m FRYSLAN IN STIK YN NJUGGEN TAFRIELEN YN PROAZE FEN DOUWE KALMA UTJOWN BY BRANDENBURGH & Co. TO SNITS YN 1926 FOR HWA'T YN FRYSLAN QREAT WIERNE EN GREAT BINNE TROCH IENSUMHEIT, TROCH STRHD EN TROCH LJEAFDE. IT FOARSTE TAFRIEL. STIMMEN YN IT WALD. IT FORRIZENDE FRYSLAN. DE DREAMEN. DE DIEDEN. DE TUD. DE STOF. DE GEAST. De seame fen in watd op in moarn yn Maeije. Foar, in blommegreide oprinnend nei de foarste beammen. De rümte twiske de stammen stiet fol mei tichte strewellen, op ien sté nei, dêr't heal öfditsen fen de nij bigriene twigen, in paed üt it wald ütrint op de greide. In stimme sjongende yn it wald: Myn herte is koel en suver Allyk in mar moarnsier; It fielt yn sêfte huver De dei syn krêft en tier. It ljocht mei tüzen strielen Oerstreaket al syn wiid; O frjemd en noegjend fielen, O gouden Maeije-tiid! In stimme klinkend fen lofts: Hwa is hja, dy't sjongt yn it griene wfild fen de Maitiid? In stimme anderjend fen rjuchts: Fryslên, it langjende. De stimme yn it wald sjongende: Myn herte fielt to rizen It ünwearsteanber ljocht; De wyn yn kleare wizen Hat my de wytging brocht. It stiet alhiel omringe Fen tsjoenend ljocht-igewiuw; It kin noch wol bitwinge Syn eigen djippe driuw. In stimme klinkend fen lofts: Hwa is hja, dy't sjongt yn it wide ljocht fen de Moarn? 5 In stimme, anderjend fen rjuchts: Fryslan, it stridende. De stimme yn it wald, sjongende: Ik scil myn finznis brekke, Myn iensmens is net mear; Myn hert, myn hert is wekke En al syn great bigear; It djippe wald üntteine, Wol ik de dei yn gean; Sa mei de heechste seine Oer al myn wegen stean! In stimme, klinkend fen lofts: Hwa is hja dy't sjongt mei it rike lud fen de Frijheit? In stimme, anderjend fen rjuchts: Fryslan, it forrizende. De twigen, de yngong fen it paed heal oerfrisseljend, wirde fen in han fen siden dien. Men sjucht Fryslan, jong en strieljend, mei loshingjend hier, yn in klaed fen ljochtsjend goud. Hja biskadet hjar eagen mei de hén, en seit: Fryslün: Kom harren, jim dy't myn libben diele, kom harren, myn teare Dreamen en myn sterke Dieden. It is wier hwet ik fielde; foar üs leit de iepenens fen de wrald. Wy forlitte it skaed fen üs bosken, wy scille stean yn it greate ljocht fen de dei. It libben is bigoun for üs. Kom harren en stean nést my, det wy sjugge hwet foar üs leit ear't wy fierder geane. Hjar folgje trije famkes, forskinings yn wyt, de Dreamen, en trije jonges, forskinings yn grien, de Dieden. De dauwe fen de moarn leit yet oer hjar hier. Hja geane-stean oan wearskanten fen Fryslan, en yn ienen slacht de foarste Dream de hannen foar hjar eagen. Fryslan: Hwet hastü, Ijeave, hwet hastü, myn teare Dream? De Dream: Sa sterk is it ljocht fen de Dei, o myn Frouwe. 6 Frysldn: Treastgje it dy, it scil ek dy bisterkje, it scil dy krêft jaen en dijen dwaen, it scil dy meitsje ta wierheit. Nou stekt de foarste Died syn earmen foarüt, as yn in great langstme. Frysldn: Hwet hastü, frjeon, hwet hastü, myn sterke Died? De Died: Sa fül langje ik to gean yn it greate ljocht, o myn Frouwe. Frysldn: Byn yn, it is nedich detstü dêr hoeden giest, it lan fen dyn wegen kennend, en in wiis brükme meitsjend fen dyn krêft. It is nedich det wy witte hwer't wy steane, hwer't wy hawwe scille to arbeidzjen, to striden en to ljeavjen. Biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dreamen, biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dieden. De foarste Dream: Ik sjuch in lan, ditsen fen griene walden; de wyn fen de greate dei rüzet sêft troch hjar krunen. Hy bringt de wytging fen ien, heger as de minsken, fen ien, heger as wy. Ik sjuch in lan mei walden, dreech, suver en grien, en alles is dêr wijing. De twadde Dream: Ik sjuch in lan, trochwoun fen glinsterjende streamen. De wyn fen de dei tsjoent in sêft libben deroer, de strielen glinsterje en forsjitte dêr tüzenfald. Ik hear it gelüster fen dy streamen en it wevet in liet yn de sêft-trochrüze stiltme. De tredde Dream: Ik sjuch in lan, omboerde fen blauwe séen. Hja bistreakje en bistoarmje it, hja binne it ta fijan en frjeon. Oan de giele grinzen binne hja ien, dit lan en dizze séen. Ik sjuch in lan, wrakseljend, om nést de sé to bistean. 7 De foarste Died: Ik sjuch in folk, libjend yn de glans fen syn moarntiid. Hichten smyt it op tsjin it wetter; dêrop bisteane hja, de minsken togearre mei hjar fé. De keppels weidzje yn it grien fen de greiden. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget trou. De twadde Died: Ik sjuch in folk, jeijend yn de skül fen syn walden. Mear as it dimmene wirk, mear as hjar deistige soarch is hjar djür. Hja siikje it wyld yn hjar walden, en hjar herten ljeavje it aventür. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget moed. De tredde Died: Ik sjuch in folk, gearstreamend op de rop fen syn (ieders. Frjemden tsjugge ta op hjar grinzen, mar hja blieze de hoarnen en slagge de skylden, en hja binne ien. Ik hear üt hjar mfile de striidrop: ljeaver dea as slaef. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget krêft. Frysldn: Goed hawwe jim sköge, o myn Dreamen, klear hawwe jim wytge, o myn Dieden. Sa bistiet dit alles, myn lan en myn folk, sa bistiet dit alles yn Frysldn. Mar hwa is hy mei it bügde stal, swier lynjend op syn stêf, dizze mei de griis-streamende hierren? Komstü om Fryslan groetenis to dwaen, o myn alde? Fen rjuchts komt op in ald man yn silveren klean en mei lang griis hier. Hy bügt swier oer syn stêf, mar yn syn eagen en lüd is klearens. Syn hier is ditsen mei in kranse fen jimmergrien. De alde: Ik kom om dyn groetenis to hearren, o Fryslan. Mines binne de fjilden dêrstu nou yn stiest to gean. Wis jowt it foech, det de swalker de Kening groetenis docht. 8 Frysldn: Gjin groetenis scil ik dwaen, dü alde, ear't ik net wit detstfl mear bist as ik. Siz my dyn namme, en ik scil dyn weardichheit kenne for hwet hja is, en dy eare dwaen lyk astfl fortsjinnest. De dlde: Ik bin for hwa't de blom bloeit en forwylget, for hwa't de iik riist en rottet, for hwa't de fotken rize en forgean. Ik bin de hearsker fen alles hwet ierdsk is, ik bin de Tiid. Frysldn: Gjin groetenis scil ik dy dwaen, o Tiid. Nea scil ik net ynskikke, detstfi mear bist as ik. Hy, dy't dy róp to bi stean, röp ek my to bistean; Hy, dy't dy skoep, skoep ek my. Net Onder dy scil ik libje, mar ünder Him üt hwa't wy beide binne. De dlde, bügend ta de klaedseam fen Fryslan: Sa groetsje ik dy, o Frouwe. Wiis hastü andere; ik frege om dy to hifkjen, mar dyn wearde is wier as goud. Gean yn greatens oer myn fjilden en biwarje dyn witten. Frysldn, hjar han lizzend op it hier fen de alde: Sa groetsje ik dy, o Tiid. Machtich bistü, en de slachten fen de minsken learstü de wiisheit. Ik scil myn witten biwarje, mar de frucht fen dyn fjild scil ik net foarby gean. Mar hwa binne hja, dy't dêr komme fen wearskanten, ien yn swier read, ien yn trochskinend wyt, beide in kroane dragend yn hjar han? Siz dü my, hwent dü witst. De dlde: Dizze, klaeid yn swier read en de skat fen de ierde dragend yn syn han, is in greate macht, en syn namme is Stof. Jinge, klaeid yn trochskinend wyt, en de glans fen de himel dragend yn syn eagen, is in greate macht, en syn namme is Geast. 9 Fen wearskanten forskine de Stof en de Geast, lyk as Fryslan en de 31de hjar sjoen hawwe. De Stof draegt yn syn hannen in kroane fen blinkend goud, sierd mei in greate bloedreade ealstien; de Geast allyksa ien fen skimerjend silver, blinkend mei in great-ljochtsjende peareL De Stof: Earstu gean scilst yn de wrald fen de minsken, kies myn kroane, o Fryslan. De Geast: Earstu gean scilst yn de wrald fen de minsken, kies myn kroane, o Fryslan. Frysldn: O wündere rykdom, ho kin ik jim wearde trochgrounjel Forklearje my de wearde fen hwet jim biede, det ik kieze kin yn witten. De Stof: Dizze is de kroane dy't it lichem draegt, en hja jowt macht oer de ierde. Dizze is de kroane dy't de greaten earje en dêr't it folk for bfigt. Dizze is de kroane dy't dy stean dwaen scil mank de kenings fen de ierde. Frysldn: Neam my dizze stien, read as it bloed fen de minsken, o Stof. De Stof: Ut it bloed fen de minsken is hja fintstien. Alle oare stiennen Ijochtsje fen de Dea, mar dizze is de stien fen it Libben. De Geast: Dizze is de kroane dy't de siele draegt, en dy't hjar tilt boppe de ierde. De folken binne blyn for hjar, de greaten glimkje om hjar, de kenings kenne hjar net. Mar hja is finforgonklik, en de Tiid is machtleas tsjin hjar. Frysldn: Neam my dizze pearel, glanzgjend mei in finwitten glanze, o Geast. 10 De Geast: Hja is de pearel dy't gjin minske ken en gjin wize grounet. Hja is finskeinber, hja is hillich. Hja is de pearel fen it mystéry. Frysldn, mimerjend: It mystéry? Ik wit net hwet it is. Yn myn walden bloeide it libben, it is it libben, det ik ljeavje. Ik haw gjin iepenbiering oer hwet büten en boppe it libben is. Ik kin dyn kroane net kieze, o Geast. Mei de kroane fen de macht op myn hier, mei de stien fen it kostlikste yn myn kroane, scil ik Onder de minsken gean, o Stof. Kroanje my mei de kroane dy't ik keas, o Tiid. De dlde: de kroane fen goud settend op it hier fen Fryslan: Keazen hastü, o Frouwe; draeg dizze kroane yn greatens. Lit it herte dy sterk wêze en it each dy klear. De minsken hjar greatens scilstü priizgje en hjar lytsens forflokke; hjar sillichheit scilstü smeitsje en hjar ilinde trochfiele. Gean dyn wegen yn greatens, o Fryslan. Fen in ünsjenber koar forriist in sjongen det de romte forfollet: Sang: Fier de wide doarren iepen, Meitsje rüm en klear de wei; Hinnegien de tiid fen sliepen, Rizend, great en eal, de Dei — Gean, o foltsen, gean, o swide, Foar dy leit de wflndre wrald — Gean, yet yn dyn dream forblide Dy't dyn dei bi sletten haldt! Under it twadde fers giet Fryslan, stil en steatMk, folge fen hjar Dreamen en Dieden, dêr't de Stof him by oanslüt, oer de greide lofts. De Tiid en de Geast eagje hjar nei, steande oan wearskanten foar de waldseam. Den tilt de Tiid syn stêf omhegen en kindiget mei greate stimme: De Tiid: Nou bigjint de skiednis fen Fryslan. De foarhing slüt. 11 IT TWADDE TAFRIEL. GERMANICUS, fjildhear fen Rome. VITELLIUS, in stêf-ofsier. CETHEGUS, in kriichsfeint. SIGURD, in jonge Fries. Tsjuster; den in plak ljocht foar de foarhing. Op det sté forskynt in herold, ütrist yn de kleuren fen Fryslèn en in trompet haldend yn de han. Hy bliest ienris en kindiget oan: „Yn it jier fen üs Hear 15, oan it Boarndjip yn Fryslan. Yn de tinte fen Germanicus, oanfierder fen de legioenen fen Rome." De herold giet en de foarhing giet iepen. Men sjucht de tinte fen Germanicus, wyt en skjin, mar mei de greatste ienfald ynrjuchte. Rjuchts in rêstbêd mei tek, bihearske fen in byld fen Mars. Tsjin de efterkant stiet in great blinkend skyld. Lofts in lytse fjouwerkante tafel fen in poarperen klaed ditsen; dêrefter twa ienfaldige houten sitten; op ien dêrfen de legaet Vitellius, digerjend oer in greate ütrölle kaert, dy't er foar him oer de tafel ütspraet haldt. By de yngong stiet, yn halding fen rêst, de tribun Cethegus. Vitellius, de ünderoanfierder, is in bihindige militaire figuer, twiske de fjirtich en de fyftich. Syn praet is saeklik en droech; it is mar inkeld det der yn syn wirden neat mear fen de bifeltoan trochklinkt; it kommandearjen is him in twadde natür wirden. Lykwols is er mear as in rouwe izerfretter: in man dy't syn hiele libben ynset hat for de greatens fen Rome en for hjar it swiere tsjinstwirk nei syn béste witten neikomt. Krekt nou is er in bytsje koartkearich; op dizze tocht troch Fryslan hat er in forkaldenens skipe. Hy ünderfynt it lést dêrfen, mar achtet it net fiks det skine to liften. Yet in hoart digeret op 'e kaert om; den, hommels, rjuchtet er him ta de tribun. Vitellius: Tribun Cethegus! Cethegus, yn de halding: Ré, hear. Vitellius: Bring de skipsofsieren it folgjende oer. Ik bifelje hjarren de greatste foarsichtigens. Us kaerten lykje my tige flnfolslein. Wy binne hjir yn in noedlike kontrei.... Hy prüst in pear kear forheftich; de tribun skrillet derf en. 13 Cethegus: By de greate Juno! hwet skeelt de legaet? Vitellius, stuf: Freegje nei de bifellen, net nei de persoanlike omstannichheden fen dyn oersten. Lyk as ik sei, wy binne yn in noedlik lan. De sé stean ik yet minder. Ta gjin priis moat it forban twiske leger en float forlern gean. De wyn is ginstich; de skippen moatte dêrfen profitearje en ütsile; it leger scil folgje. Byn de skipsofsieren op it hert det hja sa ticht müglik by de igge bliuwe. Cethegus: Jy winskje hjar dos yn it sicht to halden. Vitellius: Ta eltse priis. Inoar hjir kwyt to reitsjen bitsjut beide nei Pluto to gean. Bring myn lést oer yn krekt deselde wirden, tribun. Jy kinne gean. Cethegus: Ta jins tsjinst, hear. Hy giet óf troch it seii mids efter, en forsommet it alhiel wer to sluten; sadré't Vitellius dit sjucht, ropt er de tribun lüd efternei: Vitellius: Tribün Cethegus! Cethegus, wer forskinend: Hear? Vitellius: Slüt de yngong. Alhielendat. Cethegus: Forjow, hear. Ik tocht, om't it Maitiid wier. Vitellius: Ik haw myn bikomst fen dizze Fryske maitiidswyn. Hy prüst, de tribün sjucht him binijd oan, en giet, it seil alhiel ticht dwaend. Vitellius bflgt him wer oer de kaerten, dy't him slim lykje to ergerjen. Yn ienen slacht er mei de fust op 'e tafel en ropt üt: By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal! Hja moasten dy kaert-fantasten giselje! 14 In stimme fen lofts: Wy scille libbene kaerten fenneden hawwe, myn goede Vitellius. Vitellius riist hastich oerein, nimt de halding oan en stekt de earm üt by wize fen groetenis. Troch in oars net brfikte iepening, rjuchts yn it seil foar it rêstbêd, forskynt Germanicus. Vitellius, krêftich en lüd: Wêz groete, Germanicusl Germanicus, minder krêftich, mar frjeonlik: Wêz groete, Vitellius! Germanicus Caesar, dy't nou forskynd is, is tritich jier ald en de wünderlikste minske dy't men yen oan it haed fen in great Romeinsk leger tinke kin. Hy is in stik greater as Vitellius, dêrby ljochter, en alles oan him teikenet de frissens fen de jonkheit Oars as Vitellius, dy't jimmer fier bleaun is fen it libben fen de Stêd, is hy troch alle forfining en geniet fen Rome hinnegien, mar syn ynderlike suverens hat him for ündergong biwarre. Syn müle, dy't faek in bytsje glimket, is net sünder sinlikens, mar syn eagen ljochtsje klear en syn foarholle is heech en suver. Ek yn syn praet klinkt sims de fjildhearstoan troch, mar it is by him net mear as in oanwenst wirden; oare tiden is syn lüd mimerjend en stil, as fen in dichter, dêr't er folie fen yn him hat. Vitellius forearet him tige, sünder him alhiel to bigripen, mar sims komme Germanicus syn uterings him op it sear; hy is der greatsk op, det Germanicus oan it haed fen dit leger stiet, mar scoe wolle, det dy mear foar alles Romein wier. Germanicus, ek op 'e tafel tageand en him oer de kaert bügend: Alsa, Vitellius, dü leaust net mear yn it treflike wirk fen üs filosofen? Vitellius: Der doogt gjin stür fen dit forwinske gekwattel. Germanicus: It is de earste kear net, Vitellius, det de wrald in bytke oars is as üs froede filosofen hjar hawwe wolle. Wy scille dy kaerten opbergje moatte yn üs archiven, as in aerdichheit for de neiteam: den kinne hja ris sjen hofier de minsklike fantazije gean koe yn alde tiden. De ündersiker, dy't him teikene, is grif forbjustere rekke fen binaudens for de minsken hjirre. 15 Vitellius: In Romein heart net binaud to wêzen. Wy moatte de ljue, dy't üs dy kaerten oansmarden, forkleije (hy prüst). Hja binne op gjin stikken nei yn oarder. Germanicus, glimkjend: Bistü seis wol alhiel yn oarder, Vitellius? Vitellius: Ik tige, mar dit forwinske klimaet doogt net. Ik haw it der fen wei. Germanicus: Dü moatst dy oanpasse, myn béste. Yen oanpasse, det is it greate geheim fen alle kriichskinst. Mei kaerten scille wy der hjir net komme, mei pylken en swirden like min. De ljue hjirre lykje my in eigenaerdige krusing ta fen lan- en wetterdieren. Sa moatte wy ek bisiikje to wirden. Vitellius: It haget Germanicus mei de weardichheit fen it Romein-wêzen to tülkjen. Germanicus: Net yn it minst, nommele frjeon. Ik sprek yn greate earnst, en ik bin seis drok dwaende my to oefenjen. Ik haw krekt in aerdich skoftke yn de Boarnsé swommen. It is wier, men leart it wetter sa fen in oare kant kennen as yn üs moarmeren badkeamers mei hjar waerm streamend wetter, hjar kostbere salfkes en öfwriuwende slaven. Mar dit foldocht my ryklik sa goed. Jister haw ik in oerokse lytsman makke; det wier ek net sa'n min stikje for in bigjinner. It is gans in toer om yen ta dit libben to biwennen, mar ik leau, it scil wol lokke. En faeks bliuwt men sa for forkaldenens biwarre. Vitellius: Hwet mienden jy mei de libbene kaerten, dy't jy niis neamden? Germanicus: Det scil jo fen 'e moarn düdlik wirde, hoopje ik. Mar hwet moat det signael? Is der hwet bysünders geande? Hawwe jy bifel jown? 16 Vitellius: Ik haw de skippen lést jown óf to stekken, mar neat det dit signael nedich makket. Greate goaden! Hy bliest yetteris! Yndied heart men de hoarnbliezer yetteris, nou twaris efter inoar, frjemde koarte stjitten, dy't min for in gewoan signael trochgean kinne. Germanicus: De fint is dronken, ef hy is syn forstan kwyt. Hwet is dit? It seil wirdt iepenslein en mei aerdich hwet rimpenens komt der in jongkeardel ynstrüzen, dêr't mei in eachopsiach fen to sjen is, det er net ta de hege Romeinske mienskip biheart. Hy draegt in moaije, mar koarte dierehüd, in blinkende girdle, in dolk en in hoarn; oan de toetten in soarte middending fen sandael en skoech. Ien en oar bitsjut det er yn 'e pronk is; mar syn hier is net kjimd, en as er ynkomt moat er it him üt 'e eagen feije. De natür lykwols makket goed hwet de kultuer tokoart komt; hy liket in jonge atleet, linich, klear en sterk. Sigurd: Moarn. Hwer hüsmannet Germanicus, de Romeinske fjildhear? Germanicus, forheard, mar net ünfrjeonlik: Hy stiet foar jo, wêz wolkom. Hwa binne jy? Sigurd: Sigurd, de soan fen it stamhaed fen de Friezen. Germanicus, Vitellius in wink jaende mei de eagen; yet frjeonliker: Wêz dübeld wolkom, Sigurd. De soan fen Rome bigroetet mei blidens de soan fen Fryslan. Sigurd: Fen 't selde. Hawwe jy jou hoarnbliezer gjin les jown my to groetsjen? 17 II Germanicus, — der giet him in ljocht op, mar hy bihearsket himsels: Ik winskje, det jy as myn gast en gelikens yn neat minder eare hawwe scille as iksels, Sigurd. Forjow myn feint syn sleauwens. Gean, Vitellius, en siz de hoarnbliezer det hy, by it foartgean fen Sigurd, him groetsje scil mei it signael fen de fjildhear. Sigurd: Hoegt net, hearskip. Det ha ik him al oan it forstan brocht. Vitellius kin syn great argewaesje amper mear de baes bliuwe. Germanicus, hwet stranger: Myn feinten kinne fen nimmen oars bifellen oannimme as fen hjar eigen fjildhear. Jy scille det grif forstean. Likemin as de Romein oer de Friezen hearskje scil, scil de Fries det dwaen oer de Romeinen. Gean, Vitellius, en nei dyn lést folbrocht to hawwen, kom dalik werom. (Vitellius óf.) Sigurd: Jy hiene in forsiik rjuchte ta myn Heit, om bitroude paedwizers. Lyk as er unthiet, hat er my stjfird. Ik bin hjir fensels better thüs as jimme. Germanicus: Sünder mis, eale Fries. Ik twivelje net eft wy scoene byneed ek seis skoan yn steat wêze üs wei to finen. Mar der is my folie oan fêst om mei de ealsten fen jim folk yn 'e kinde to kommen. Dit is in bysünder lan, nommele Sigurd, en ik leau, det hjir in fiks en sterk folk wennet. Sigurd: Fikser en sterker as by jimmes to Rome? Germanicus: Jy kinne min forwachtsje det ik eat priizgje scoe boppe myn eigen heitelan. Mar ik achtsje it lan en it folk fen de Friezen heech. Yn hjar kleare wetters fiel ik my hast sa goed thüs as yn de streamen fen it Romeinske lan. Fen 'e moarn swom ik in healüre yn de Boarnsé. It die my selsum goed. 18 Sigurd, forheard: Jy, swommen yn de Boarnsé! En hja seine, de Romeinen wierne in weak skaei det ta neat mear doogde! Germanicus: Leau it net, nommele Sigurd; it is kwealaster, fen lytse biniders üttocht. Wy wirdearje mannemoed en feintekrêft heech. Lit my jo in fijSn sjen litte meije, dy't ik hjir jister forsloech. Dêr leit er. Hy iepenet it seil rjuchts en wiist Sigurd eat oan. Sigurd: In oerokse! Ha jy dysels Iytsman makke? Germanicus: Sa die ik, Sigurd. My tinkt, sa'n die hie in Fries net unweardich west. Sigurd knikt en sjucht yetteris; den komt der ynienen hwet yn him op en hy rjuchtet him glimkjendl ta Germanicus. Sigurd: Wy scoene inoar doukje kinne. Germanicus, wier bliid: Fen herten jerne, frjeon. Vitellius komt wer yn. Vitellius: De hoarnbliezer biklaget him tige ... Germanicus, hastich: Hy hat syn fortsjinne Iean krige. Sigurd, dü scoest my tige helpe kinne. Wolst? Sigurd: Yn alles hwet ik kin. Hwet is 't? Vitellius is troch it forhearde hinne. Germanicus: Ik haw hjir in ilindigen lést mei myn float. It is nou ienris sa steld, wy scoene Dütsklan yn mei in float en leger beide; dêr witst alles al fen. Mar ik sit der suver mei oan. Der binne gjin wegen for myn swiere weinen en de sé liket my rare ündjip. 19 Sigurd: Dü moatst it leger südlik oer de sangrounen stjüre en de float in aerdich ein de Noardsé yn, sa fier det se de dunen yet krekt sjen kinne. Germanicus: Det like mysels ek it béste, mar Vitellius hjir wier fen in oar bitinken en ik ha my dêrby dellein, hwent hy hat gans ünderfining. Hy tocht, leger en float moasten inoar net bjuster wirde. Hy hat de skippen dêrom bifel jown sa tichte müglik by de igge lans tó silen en it leger... "Sigurd, forheftich en kjel: Süch! Vitellius, ek op ien ein: By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal! Germanicus, wer hastich: Swij, Vitellius. En dü moatst him net misledigje, Sigurd. Hy tsjinnet my trou. Sigurd: Sa slim miende ik it net. Ik woe sizze, it is in grouwélige, ilindige, troch alles hinne stomme streek. Lans dy wei scil dyn legers forsüpe en dyn skippen brekke. Rop dalik det bifel werom. Germanicus, hwet oars as oars: Driget der wier — sa'n gefaer? Sigurd: Dü kenst dit lan net! Hjir is gjin skieding twiskè lan en sé. As men yn dy noeke is en de floed komt op, den skolperet alles Onder; fait it wetter, den leit alles droech. En de wyn rint hjoed om nei it Noard, dêr bin 'k wis fen; it kin wol stoarm wirde! Germanicus: De skippen binne al ünderweis! Sigurd: Myn hynder kin hirdernóch. Mar ik moat in teiken fen dy hawwe, oars leauwe se my net. Jow my dy ring, det scil wol helpe. 20 Vitellius, dy't him net mear ynhalde kin: Hwet waerboarch hawwe wy det jy üs allegear net bidrage en yn 't leech fiere? Jim haetsje... Sigurd grypt nei syn dolk. Germanicus, springt twiske hjar yn; mei greate stimme: Swij, VitelliusI Vitellius wirdt lyts en skrillet tobek. Dü hast dy wirden net heard, Sigurd; ik nim se werom, se binne net spritsen. Dü hast mei my to dwaen, net mei him. Hjir hast myn ring. En ien forsiik yette. Sigurd: Det is? Germanicus: Biselskipje my nei Dutsklan en werom. Sigurd: As heit my frij jowt, ja (stekt syn hén üt). Dyn han, Germanicus. Germanicus: Myn han ... hwerfor? Sigurd, laitsjend: Witte jim net hwet füskjen is? Det is in biwiis fen frjeonskip. Germanicus: O, op dy manear. Ja, den is 't bést. Dei Sigurd. Sigurd: Dei, Germanicus. Dyn float bliuwt bihalden. (öf). Germanicus, nei effen wachte to hawwen: Wel, Vitellius. Ik ha dy sapas hwet lüd hjitten to swijen. Dü scilst wol gans to sizzen hawwe. Praet nou mar wer. Men heart it fjildhearssignael. 21 Vitellius, slim forüntweardige: Ik hoeg net to praten, hwent ik ha neat to sizzen. De eare fen Rome is troch it slyk helle. In opslöpen Friezejonge, in ünwittende ütlanner, in barbaer, de gelikense fen de greatste Romein! Germanicus: Sa is it fêststeld by fordrach, Vitellius. Rome en Fryslan scoene bounsnoaten wêze. For de wet hawwe wy neat oer inoar to sizzen. Vitelliasf De wet, it fordrach! Jy witte skoan, det binne oars net as deade letters! Hwet kin dizze barbare-naesje tsjin it machtige keizerryk det de wrald regearret? Germanicus, earnstich: Ik tink net det de hoarnbliezer mei syn signael in ünrjuchtlike eare die, Vitellius. Hy groete ien fen de oerwinners fen Rome. Vitellius: In oerwinner... fen Rome! Hwet miene jy? Germanicus, yet earnstiger: Wy scille it net bilibje, myn frjeon. Mar tink om Rome, lyk as it is. Tink om üs paleizen, üs wielde, üs slaven, üs forfining. Jy witte hwet der is yn al det moarmer en goud: oan de woartels fen üs folkslibben knaget de wjirm fen it bidjer. Tink om de jongfeinten dy't ik deis om my hinne haw — en him. As hy en syn folk üs seagen yn de ivige stêd, hja scoene üs ljeavje noch eangje, allinne mar forachtsje, by al üs rykdom en forfining. En der is mear, Vitellius. Dizze minsken binne rou en ünwittend, mar hja lykje earlik. Ho frjemd it üs ek taklinke mei, in wird liket for hjar in wird; for üs is it in list. De goaden meije Rome genedich wêze, de dei det krêft en trou foar forweakliking en forried oer komme to stean. Ik bin bliid det it minskelibben koart is, Vitellius. 22 Vitellius: Ik... ik wit net. Miskien is der in needlot. Ik doch myn plicht, en freegje net nei mear. Mar ik wit ien ding, Germanicus. As Rome ündergean scil, as it greate ryk fen Tiberius falie scil, dizze barbaren allyksa. Hja alteast, hja drage tige düdlik hjar Dn dergong yn hjar. Germanicus: Ik bin der dalik sa wis net fen, Vitellius. Vitellius: Witte jy, det der yn Fryslan nimmen regearret? Witte jy det hja allinne libje Onder in mannich haden, det der gjin keizer is, gjin kening, gjin regear, om't hja nimmen boppe hjar ha wolle? Hwer moat det op ütrinne? Kin sa in folk bistean? Hja binne heechmoedich tsjin üs; hja scille it net minder wêze tsjin inoar. It divide et imperaf fen üs great ryk scoe ek hjir maklik spil hawwe. Jy wytgje de ündergong fen Rome, mar ik wytgje jo dy fen dizze barbaren, dy't nimmen boppe hjar wolle en gjin macht ha hjarsels to bistjuren! Germanicus: Miskien, myn frjeon; wy scill' der net oer tsiere. To'n earsten scil ik it mysels net ünweardich achtsje de gelikense fen Sigurd to hjitten. Vitellius prüst wer. En ien Frysk forskynsel is der alteast, det scil libje oer de aventüren fen üs beider folken hinne. Vitellius: Jy miene? Germanicus: De Fryske forkaldenheit. De foarhing slüt. 23 IT TREDDE TAFRIEL RADBOD, kening oer Fryslan, DE KENINGSSJONGER. DE FOLKSGEARKOMSTE. TWA SPREKKERS. IN ALDE FRIES. Tsjuster. Den forskynt de hérold, bliest en kindiget oan: „Yn it jier fen üs Hear 715, yn de omkriten fen Starum, foar de keningsstoel fen Radbod de Greate." Hy giet, en de foarhing lukt iepen. Men sjucht in griene hichte, bikroane fen in manske iik; dêrfoar is in hege troanstoel oprjuchte. Fen de stoel nei de ünderste earms fen de iik, as in efterskerm, binne twa greate kladen spand yn de kleuren fen Fryslan. Oan de beam, boppe de troane, is in great Frysk skyld ophongen. De rflmte is forfolle fen manljue, fierwei de measten yn striders ütris, in inkelde yn lange preesterklean. Nést de troane, bikroane mei in griene kranse en in harpe yn 'e han, stiet de keningssjonger, in ljocht en fiks jongkeardel. Djip en bliid gegouns fen folie stimmen. De sjonger: Eala, nommele Friezen! Nou jildt it oar wirk as djierheinen en noatriden! Binne jim rêstings ré? Gans scille hja hawwe to trochstean tsjin it striidbere folk fen de Franken! Ien fen de manljue: De skylden blinke, de pylken bin punte, slipe is it swird ta de striid. Wy binne ré! Hja kletterje mei de skylden en oar wapenreau. De sjonger: Fiks sa, frjeonen. Mar hofier yn de romte giet dy réens fen Fryslan? Fen hofolle goaën binne de iedmannen forskynd? In oar fen de manljue: Jister in wike waerden de seinfjüren ta de striid oanstitsen op de hichten by de keningsstins to Starum. Ear't de loft read wier fen de dage, ljochten de fjüren hiel Fryslan roun. Ear't in wike forroun wier, wierne de manljue feardich en de rêstings ré. Fen Sinkfal ta Eider, fen alle goaën binne de iedmannen hjirre. 25 De sjonger: Heil, nommele Friezen! Wodan, Thor en Tyr scille de wei for üs sljuchtsje! Op for de groun fen üs affaers, op for de frijdom fen Fryslan! Allegearre: \ Op for de frijdom fen Fryslan! Great gekletter fen skylden en wapenreau. In wytger: Rümte for him dy't keazen is fen it folk fen de Friezen! Rümte for Radbod, kening fen Fryslan! De gearkomste wykt fensiden, en foarofgien fen twa sterke jongfeinten, elts mei in swird yn de han, en folge fen syn seis heechste riedsljue, forskynt Radbod. Hy is ald en snie-wyt, mar rint yet steil rjuchtop. Yn syn eachopslach, syn Mkl en biweech is in heechheit, dy't men hast forgeastlike neame koe, en dy't tige öfstekt by it ro'uwer dwaen fen syn lansljue. It is it leed det him sa makke en fen hjar underskaet hat. Sims brekt it troch yn syn lüd, det trochstrings krêftich is, mar frjemd stil wirdt as er dingen seit dy't him neigeane. Under it jüchjen fen 'e gearkomste giet er ta syn troane. It folk: Heil Radbod! Heil de Friezene kening! Heil de forkeazen strider! Radbod: Heil it folk fen Fryslan! It Ting, opdroegen oan de noed fen de heechsten, plachtsjend en bislutend for FryslSn, bigjint. Yn ienen hearsket der in greate stiltme. Radbod: Eltsenien wit it doel fen dit Ting. De moarntiid Ijochtet oer Fryslan, det jierren bineare west hat fen de macht fen de Franken. Nou is hjar macht britsen, skoerd fen de greatste fijan fen de ienhiet, de twaspjalt. Kommen is de tiid for üs Friezen om op to stean yn greatens en krêft, om it léste oerbliuwsel fen Frankyske tsjinstberens to dylgjen. Rie haw ik plachte nlei aldsten en riedljue. Ienstimmich hat de rie fen Frysan op ütstel fen syn kening bisletten: for it goed fen üs affaers, for de frijdom fen Fryslan, striid, striid en yetteris striid twiske Frysldn en de Franken! 26 De gearkomste: Fryslan boppe! Radbod: Mannen Friezen! By it bigjin fen dizze striid, bislutend oer frijdom en libben, haw ik ien ding to wytgjen, in oar ding to freegjen. Dit is jim léste striid Onder dizze lieding en gjin greatere scil ik ea fierd hawwe. Klear wol ik hjar yn 'e miette gean, suver en trou oan de frjemde stim yn myn herte. Det ik tsjOgje mei hwet ik sjuch en freegje hwet ik moat, jow my jimme oandacht, o mannen fen Fryslan ! Gunt üt 'e gearkomste: Sprek, o kening! Wy harkje. Radbod: Dit is de fjirde kear, det ik jim liede scil tsjin de Franken..Trije kear waerd ik slein en bitwongen, net troch leffens noch oermoed, soks kin elts hjir tsjOgje. Dizze dröve jierren haw ik socht nei klearens oer hwet üs miskearre. Uzes wierne de moed, de offers oan bloed en libben; hjarres wier de oerwinning. Dit haw ik leard to forstean: twafaldich is de macht dy't fen hjar ütgiet. Eigen krêft hawwe hja, en der is in krêft dy't hjar laet. Dizz' kear wol ik tsjügje foar hiel Fryslan: ik scil stride tsjin de krêft fen de Franken seis, net tsjin it fierdere det hjar stipet. In strider: Sprek klearder, Radbod! det wy dyn miening folslein forstean! Radbod: Twa machten binne steld ta in striid for Frysldn: it Krüs en de Franken. Hja hawwe hjar meiinoar forboun; wy hawwe alles dien om det bounsnoatskip to bisterkjen. Mar it wier it Onheil for Frysldn. Nou is it britsen, it folk fen de Franken is spjalt, Kristens scille oan üs kant meistride. Dêryn leit de redding for Frysldn. Goaden meije tsjin goaden, minsken 27 tsjin minsken stride. Ik fier dizze striid net as in striid fen Wodan tsjin Kristus, mar fen Friezen tsjin Franken. Net wol ik det Fryslan mei de tsjinst oan üs goaden stiet ef fait. In preester: Wytget de kening in wird fen twivel? Moat hy üs riede Kristens to wirden? Radbod: Swij preester. Ik die in ied fen trou, en trou scil ik bliuwe, ta de üre fen myn dea. Mar ik leaude, de God fen it krüs wier in tsjoen, in dreambyld. Mar gjin dreambyld kin de wrald fen de minsken sa komme to bihearskjen. Frjeon ef fijan, hy is in wierheit. Us is wytge det der ien forrize scil to heech om to neamen. Ik haw gjin macht him to dylgjen; hy is wierheit en mear as ik. Mar de Franken, minsken fen fleis en bloed lyk as ik, hjar kin ik forslaen. Jim allegearre scille stride elts neffens syn eigen krêft. Wit det jim kening de strijd fiert for Fryslan en Frysldn allinne. In strider: Sa hat Aldgillis spritsen! Radbod: Priizge sij dyn lüd, detstü neamst' hwet myn herte forfollet! Wiswier, sa hat hy spritsen; wol my det ik syn stimme yet hear! Jow my biskie, o Friezen; wier Aldgillis in goed kening? Ien fen de striders: Syn wize noed wier as de myldens fen maitiid. In oar: Yet prüzgje him de frouljue, weevjend by de hirdsherne. In tredde.- Hy wier in goed kening. 28 Radbod: Is der ien, o Friezen, dy't it de grize Radbod rekkenet ta skande, det hy it folk wytget: Wiis wier it regear fen syn heit? Ien dy't him fen üntrou forklaget, as hy seit: De noed fen it folk komt earst? Oangeande üs en üs libben, nimmen fen üs scil in lange rige fen jierren bistean. Mar it folk fen Fryslan scil bistean troch de ieuwen. Is it den klear, mannen Friezen, det wy stride scille for dit folk en syn frijdom allinne? In strider: It is klear, o kening. In oar: Wy binne foldjen. In tredde: Nije wirden hastü spritsen In jjirde: Mar wy bitrouwe yn dy. Radbod: Mear nije wirden wird ik ferge to sizzen. Eltsenien fen jimme wit, oan dizze striid hinget üs frijdom. Mear as üs libben is de ynset; oer it libben fen üs folk scil er bislute. De Franken binne spjalt; mar hja kinne hjar gauwernöch wer forienje. Geef moat wêze de ienheit fen de Friezen. As ien macht, as ien wil moatte wy stean. In strider: Sa scille wy, o kening. Radbod: Ta greater ienheit moat ik jim fergje as oars. Kear op kear yn myn eardere oarloggen briek myn wil op de tobritsenheit fen üs macht. Wy kinne net mear striid fiere lyk as foarhinne. Dit is hwet ik fen jim freegje: it bifel oer de Fryske klibers, allegearre. Det de oanfierders fen West- en EastFryslan net nést, mar ünder my stean scille. 29 Opskoer. Roppen fen „Heil" en skyldgektetter; dêrfoaroer heart men oaren roppen: „It kin net! Nea! Det scil nimmen wolle! Det is net Frysk!" Radbod, dêroerhinne; syn stêf foar him üt haldend: It ting is geande! Ik ban de ting-frede! Stiltme fait fennijs yn. Hwa't sprekke wol, likefolle yn hokfor sin, hy sprekke. Ien fen de striders: Nimmen kin dy hjiryn bifolgje, o kening. Oaren: Wy wol! wy tige! Radbod haldt fennijs de tingstêf nei foaren. Deselde strider: Nimmen fen myn Friezen alteast. Oars binne de tastannen yn West-Fryslan, oars yn Mid-Fryslan. Elts hat syn eigen bistjür yn de frede en syn eigen lieding yn de striid fenneden. De kening is de foarste Onder de gelikensen, de foarste fen de lieders. Mear macht kinne wy him net jaen. Radbod: Wis wit ik, de Fryske stammen Ontrinne inoar tige. Nea haw ik yn fredestiid taeld nei hjar rjuchten op hiembistjör. Mar yn myn tinken libbet hwet der barde yn de léste striid. Ik stie foar de Frank oer, biidzjend op de klibers fen West-Fryslan; hja hiene de trochslach jaen kinnen. Hja wisten net det ik hjar nedich hie en teagen ta in plak dêr't gjin fijên wier. Wy waerden slein. Hiel Fryslan fielde de forleging. Deselde strider: It foeget üs oersten net Ünder in oar, hwa ek, to stean. Hja binne great en eabel. Radbod: Ik freegje net for mysels. Gjin fiif jier scil ik mear libje; frij scil den skitterje kinne de greatens fen oaren. Ik freegje yn de namme fen Fryslan, ik freegje for de frijdom fen Frysldn. 30 De strider: It is stridich mei alle rjuchten en brükmen. Soks hat yet nea sa west. Wy moatte gjin nije dingen ynfiere. In oare strider, mei in rou en bot lüd: En as der ien wêze moat dy't alles to sizzen hat hwerom den krekt dü? Binne der gjin oare greaten yn Fryslan? Gerop fen „Skande!" „üet foeget gjin Fries!" Radbod stekt de tingstêf wer üt. De sjonger, nést de troane forskinend: Jim roppe fen skande. Mar it wird is spritsen, en likemin as in pylk, foartfleanend fen de böge, kin it wer weromnomd It hat klonken yn de gearsit fen de Friezen, ta in ivige skande for Fryslan. En nou scil ik ek myn wird sizze. Net for dizze kening, hwent hy stiet boppe üs priizgjen en lekjen. Mar for Fryslan, det it suvere wirde scil fen de ünweardichheit fen det wird fen niis. Mannen fen Fryslan, moat ik jim sizze hwa't. oan jim haed stiet? Moat ik jim bits jutte det jim seine binne mei mear as in helt, mei in kening, hwaens ienichst langstme jimmer west hat yn it lok en de frijdom fen syn folk? Binne der hjir den minsken dy't it forgetten is det dizze iene fjirtich lang for Fryslên stien hat, as in skyld en skutte tsjin de fijan? Great hat er west yn de striid, mar hat er minder great west yn de forleging? Jim witte ommers allegearre: ljochten de striidf jüren, den wier der mar ien namme, en it wier de namme fen dizze. Woeg de tsjinstberens op üs, swijend gyngen üs eagen nei de iene dy't trou bleau, yn hwaens herte beide leed en oerwinning fen Fryslan libbe. Hwa misgint him de eare de earste west to hawwen fen syn folk? Hat hy ek net it earst de swierens en it leed töge, mear as ien fen uzes? Tink om Theodeswynde, Radbod slacht de mantel foar syn eagen. 31 Forheftige Heil Radbod Radbod, de hwent ja, ik wol hjar namme hjir neame, al skrieme dêrby de eagen fen de kening, al skriemt it yn it herte fen elts fen üs. De Frank joech to kiezen: de forwoastging fen hiel Fryslan, ef hjar ta büt fen syn slimmichheit, as it wiif fen in man dy't hja hate. Hja, de dochter fen Radbod, de frije Friezinne, bi tocht hjar net: hja makke hjar op ta in libben det in hel for hjar wjrde moast en waerd. De kening bisocht hjar to halden, mar hja stie rjucht oerein yn de hal en frege: Heit, hwet learden Jy my oer it heil fen üs folk? Do kearde de kening him of, en hy liet hjar gean, hjar, syn ienichste, bloeijende dochter: priizge wêze hjar namme! Mar hwet moat ik sprekke fen de heit, wylst de helt hjir yn üs formidden is? Draegt net syn lichem de wounen fen Fryslan? Hwa weage safolle, hwa weage it fjirdepart fen him lyk as hy gyng ünder de foarsten, net in kening dy't laet mei syn geast allinne, mar ek in kening dy't striidt mei syn lichem? Ho komt it det dizze harpe aloanwer sjongt fen syn greatens, hwerom docht gjin oare namme hjar jubeljen lyk as sines? Is it de harpe dy't ünwierheit wytget, hja, dêr*t de amme fen de goaden oer giet? For my, frije Friezen, ik haw mar ien winsk: yn in suvere striid fen Fries tsjin Frank, üs folk as in ienheit to sjen ünder de lieding fen Radbod! For my, ljeaver scoe ik yn sa'n striid stjerre en ündergean, as libje en winne yn in striid dêr't syn greatens net yn striele! : biweging yn de gearkomste. Gerop fen: Heil de sjonger! d! For Fryslan en de kening! Wé hjarren dy't wegerje! e tingfrede biedend: Priizgje de minske net, hy is al to forgonklik. Priizgje it folk en syn ienheit. Dit is myn bislüt, o mannen fen Frysldn: Oan it haed fen myn MidFriezen scil ik my stoarte yn de striid, en allinne scil ik ta strider for Fryslan weardigje hwa't de iene Fryske lieding erken! Hwa is hjir dy't wegeret ünder dy lieding to stean? 32 De eardere sprekkers steane sümber dêr, mar swije. De gearkomste brekt fennijs üt yn gejubel en wapenklank. Radbod biedt fennijs de tingfrede. Radbod, yn greate stiltme, mei syn frjemde stille stimme: Greate, heimsinnige, wündere machten, det wy falie ef winne meije yn greatens! Hy set de tingkranse óf, jowt him nei ünderen en giet óf lyk er kaem, yn earbiedige stiltme fen de gearkomste. Daelk as er gien is, streamt ek de gearkomste ütien. Allinne de sjonger en in alde Fries bliuwe oer. De dlde Fries, biwQnderjend: DÜ hast nüs fiks spritsen, jongkeardel. Ik bin bliid det ik dizze dei sjoen haw. Dizz' kear scil it oerwinning wêze. De sjonger, sümber: Dizz' kear, ja. Mar ik woe, ik hie sprekke kinnen for alle tiden. Yn folie Friezen komt eat det ik haetsje. It is yet machtleas, mar it libbet fierder. De dlde Fries: Kin in sjonger haetsje hwet der is yn syn eigen folk? En wier, hwet dy oaren seine, den sa min? Siz my ris oprjucht, is de kening net in bytke — earsuchtich? De sjonger: Earsuchtich? Net mear as in bern. Né ülde, syn skild is in oare. De dlde Fries: Hokker den? De sjonger: Hy komt in holle boppe alle oaren üt, dêrom sjucht er fierder as ien fen hjar. Det kinne hja net sette: hja moatte biljeaven net minder great wêze. As hja op hjar teannen stean geane, falie hja om; det fortret hjar. Dêrom scoene hja him de holle ófslaen wolle. De dlde Fries: Fij, fij... det is bitter. De foarhing slüt. 33 III IT FJIRDE TAFRIEL DE IEDMANNEN FEN UPSTALBEAM. TWA MUNTSEN. IN REIZGER. DE UPSTALBEAMMER GEARKOMSTE. Tsjuster. Net in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan: „Yn it jier fen üs Hear 1327 op Pinkster-Tiisdei. Gearkomste fen it hege rjucht fen Fryslan. De Frieske iedmannen to Upstalbeam." Hy giet en de foarhing lakt iepen. Men sjucht in oprinnende greide, bikroane fen trije manske iken, nij yn it griene blêd. Twiske de beammen binne, as öfskieding fen de warstal, kleurde wollen touwen spand. Foar de iken is in forheging oanbrocht mei dêrop de saun sitten fen de rjuchters; hjar bektingen binne sierd mei de wapens fen de Fryske sélannen. De middelste is heger en steatliker as de oaren, en draegt it wapen fen Eastergoa. Twiske dizze en de twa dêrnêst, hwet nei etteren, twa lege bankjes for de skriuwer en de halder fen it sigel. De gloede fen de mylde simmerdei leit oer alles utspraet Fen lofts komt in jonge kleasterbroer, in fine en sêfte forskining, mei in boekdiel yn parkemint yn de han; fen rjuchts in reizger, oan syn dracht in man fen oansjen, mei in swiere gongelstêf en oan de earm in landeikoerke for de tarkost. Under hjar petear streamt de rümte mear en mear fol fen Friezen yn tige ütienrinnende dracht; men sjucht hege geastlike hearen en ienfaldige doarpspastoars, ealljuwe en eigenierde boeren, magistraten fen lytse stedtsjes, keapljuwe, ensf. De reizger: Wytgje my, froede broer, scil hjir hjoed wêze de gearkomste fen de iedmannen fen Upstalbeam? De münts: Mei de seine fen God en de ginst fen de Hillige Faem, ja wisse. Fen hofier komstü, reizger, detstü net witst hwet yn Friezene libben it earst is? De reizger: Sokke lange jierren haw ik omswalke büten Fryslan, broer. Do't ik foartteach gyng der in geroft ünder it folk: de Upstalbeam scoe wer gearkomme, sünt in greate rek for it earst. Al dizze jierren det it hege boun gearkaem, wier ik om utens en bireizge frjemde kontreijen. Nou kaem ik werom ta it heitelan, en it earst joech ik my op paed hjirhinne. 35 De münts: Wiis hastü dien, reizger, hwent op dit sté is de hope fen Fryslan. Mei de gearsit fen hjoed dy net ünfoldien litte. Mar it is goed det ik dy siz, dü moatst dyn forwachtings net heech hawwe. Tige wirdt de Upstalbeam bidrige fen Onderling skeel fen de Friezen. De reizger: Is den it alde striidfjür nea yette dwêst? Ek net fen 'e gearsit dy't for hiel Fryslan stiet? De münts: Sterk stiet de Upstalbeam to skoar for de ienheit fen Fryslan. Mar yn de twaspjalt is de krêft fen de satan. En minsklike krêft is mar lyts. De reizger: Siz my, broer, hwa fen de goaën hat hjoed de foarsit? De münts: Lyk astü Sjuchst, de sit fen de heechste iedman is sierd mei it wapen fen Eastergoa. Myn hege hear en heit seis, de forneamde abbet fen Klearkamp, scil hjoed de foarsit bisette. De reizger: Sa bistü den in münts fen it treftige kleaster fen Klearkamp? De münts: Sa bin ik, reizger. Is de oarde dy hiemer as oaren? De reizger: Folie yndied scoe ik to freegjen hawwe oer it hillige hüs det my sa nei is. Mar dêroer in oare kear. Ik scil trochreizgje moatte nei Ljouwert en scil oanklopje to Klearkamp for nachtforbliuw. De münts: Sa moatstü dwaen, frjeon. Oer Klearkamp scilstü alteast tofreden wêze. Yn de kleastertunen bloeit en groeit it, hast oerdiedich for minsken is de rykdom dy't God üs joech. De drege alde beammen by de 36 skiere kleastermürren glanzgje fen it jonge grien; as de wyn dêr trochhinne giet mient men de sé to hearren. Us koar is machtiger en suverder as it sünt tiden wier, en God joech üs de léste jierren skoandere rispingen. It Klearkampster fé is forneamd yn de omkrite. Wis moatstü komme en det alles sjen, frjeon reizger. De rümte is nou alhiel fol wirden, lüder bigjinne de stimmen to gounzjen. In oare jonge münts komt nei foaren. De oare münts: Komstü, Aegidius? Wy moatte üs sitten ynnimme, de iedmannen scille sa dalik forskine. De earste münts: Ik kom, broer. Farwol reizger, det ik dy wersjen mei! De reizger: Fen 't selde, broer. En tank for dyn goede wirden. De müntsen jowe hjar pratende wei nei efteren en jowe hjar del op 'e lege bankjes nést de sit fen Eastergoa; fen lofts giet in gerüs troch de mannichte. In stimme: De iedmannen fen Frysldn binne yn oan tocht! Oaren: Rümte for it hege rjucht fen Frysldn, rümte for de mannen fen de Upstalbeam! Fen lofts forskine de rjuchters fen de Upstalbeam. Hja binne seis yn tal; de foarste is de abbet fen Klearkamp, in weardich en steatlik man, yn de ütris fen in prelaet; fen de fiif oaren heart ien ta de legere geastlikheit, twa, ünder hwa de iedman fen Westergoa is, ta de ealljue; fen de oare twa is ien in eigenierde boer, de oar, de öffirdige fen Wyt-Eastergoa, in keapman. Wylst hja hjar nei hjar plakken jowe, set in sterke kleare stimme it earste fers fen „War Dy" yn, dêrt de gearkomste dalik by yn fait. Nei twa fersen forriist de abbet fen Klearkamp en stiltme fait yn. De abbet, oerein: In nomine Patris et Filii et Sancti Spiritus; sub protectione Sanctae Virginis Marlae. De gearkomste, moarmeljend: Amen. 37 De abbet: Friezen, de gearkomste fen it hillige Boun fen de Upstalbeam stiet wer to bigjinnen. Dingen At it jongste forline meitsje it mear as winsklik, det ik jim op it hert byn plachtsjen en bistuten fen dit boun to earbiedigjen, lyk as it goede Friezen foeget. Tofolle wirdt yn Fryslan de klam lein op it bilang fen de ienling, tofolle komme doarpen en goaën elts op for syn eigen rjucht. Yn dizze gearkomste is de ienheit fen de Friezen, en hja moat foar alles gean. Forsloppet ós krêft, üntbynt dizze ienheit hjar yn dielen, den is it dien mei it forset fen de Friezen tsjin de hearen üt it frjemdlan. Bi tink: troch iendracht wirdt it lytse sterk, troch twaspjalt giet it greatste to neate. Us allegear is it doel fen dizze gearkomste klear. Net lykwols üs tinken allinne, mar üs hert seis moat wêze by dizze greate mienskip. Ien üt de gearkomste: Det is üs al faker sein. Det witte wy allegear wol! De abbet, stranger: As jim dit witte, ho is it den det jimme it sa min forstean? Moat ik jim foarhalde it relaes fen de skelen en kreauwerijen dêr't jim tsjintwirdich jim krêften oan forgrieme? Krekt dizze moarn waerd my trochdien it nijs fen de bistoarming fen de stins to Bedum en de branstifting yn de bürren Elwierde. Gunt üt de gearkomste: Hja fortsjinnen it dübeld en dwers! Hjar heechmoed wier ündildber! Hja joegen seis de oanlieding! Hja binne bigoun! De abbet, forüntweardige: Foeget it Kristens hjarsels sa frij to pleitsjen fen dieden dy't jn grouwel binne for de himel en in ünrjucht for de minsken? Hwer is it forskeel twiske dizze plonderers en branstifters en de wrede Noarman, dêr't üs kroniken fen sprekke? Wolle jim.net sjen, net hearre, net forstean? Sjuch hjir dizze sit 38 rjuchts fen my; ienris siet dêr de iedman fen WestFryslan. Nou is er leech, nou hearsket dêr de greve fen Hollan! Günt üt 'e gearkomste: Flok oer de greve fen Hollan en alle frjemde hearenl Oaren: Oer de longerjende biskoppen fen Utert en Brement Oaren: Oer de stêd Grins it meast fen allegearre! Kabael; gerop fen „Ljeagen!" en „Grins is bitrouber!", „Grins is wol sa Frysk as folie parten fen Fryslan!" De abbet, mei greate stimme: Stiltme, jim bitiisden! Mocht dizze müle sa'n wird sprekke, hja scoe it slingerje net tsjin de frjemden, mar tsjin de Friezen sets! Hwet koe de greve fen Hollan, hwet koe ien fen de frjemde hearen, salang as wy ien wieme? It is wier, de sé skaette WestFryslan fen üs: do wier it de oaren swier to stypjen. Mar hwet de sé sparret, scil jim forblining fordwaen! Ik wytgje jim: as jim net it wylde fjür yn jim herten bitwinge, as jim trou oan de ienheit fen Fryslan net yn greatens oerwint, scil mei koarte tiid net ien fen dizze stoellen mear oerein stean! Der lokt stiltme oer de gearkomste, de abbet fielt det syn wird fjild wint. De abbet: Hwet is de krêft fen de frjemden? In bern kin it jim sizze: hja steane ünder ien haed, hja binne ien. Hwet is üs swakkens en skande? Dit, det wy sünder haed binne en fordield. Lans dizze wei is der allinne de Ündergong. Dêrom det ik my nou, en troch myn müle it ienriedige rjucht fen de Upstalbeam, rjuchtsje ta elts dy't Fryslan ynmoedich ljeavet. Hwa't it libben fen Fryslan wol, lit him de macht fen de Upstalbeam bisterkje. In stimme üt de gearkomste: Yn hokfor wei? 39 De abbet: Hündert jier lyn hie de Upstalbeam de macht troch to setten, hwet hja bisleat. Kamen de rjuchters fen Upstalbeam fenwegen, den wier der freze yn hiel Fryslan. Ut 'e namme fen 'e Upstalbeam easkje ik dy macht werom. Ik easkje striders fen de goaën om for üs bistuten de earbiedenis to winnen dy't for eltse wet heart to bistean. In stimme üt de gearkomste: Tinkstü det wy de frjemden foartreage hawwe om nou de nekke to bügen for eigen? Dü scilst üs net forrifelje, heite! Kabael en laitsjen. De abbet, him meitögje littend fen syn grime: Dommen, forblinen, bitiisden! Kin ien folk sünder hearskippij bistean? Haget jim better de izeren twang fen de frjemd as de lieding fen hwa't keazen binne fen jimsels? Hy hat de toan troffen for dizze minsken, dy't net mear mei rjucht, mar mei hirdens en driigjen oertsjüge wirde wolle. Men is stil. Ien üt de gearkomste: Ik freegje frij om myn bitinken to sizzen. De abbet: Sprekstü for dysels ef for in mienskip? De sprekker: For in great part fen de mienskip fen Westergoa. De abbet: Siz dyn bitinken. De sprekker: Fen Westergoa wier it det de rop kaem om de Upstalbeam wer to stiftsjen. Ek winsket Westergoa de Upstalbeam sterk en machtich to sjen. Wy scille dêrom it forsiik fen de Upstalbeam stypje. Mar wy forbine dêroan ien bitingst. In oar: Ja, jim wolle de baes oer hiel Fryslan spyljet 40 De sprekker: Mei greatskens wüs ik dy oantiging tobek. Wy steane op üs rjucht fen frije Fryske goa; dy namme is üs genöch. Mar ien ding wolle wy net: ünfryskens en forrie yn üs eigen formidden, yn in boun det de greatste namme fen Fryslan draegt. Hwa doar sizze det dit boun allinne üt suvere Friezen bistiet? In oar, spottend: Fensels net — de suvere Fryskens kin men allinne yn Westergoa siikje! De sprekker: Sa liket it bytiden! Mar ik scil nimmen bitiigje, mei biwizen scil ik komme. Hwent ik winskje det wy oan kinne op it Boun fen de Upstalbeam. Ik skik yn, dêr is Westergoa alles oan fêst. Wy lizze sa to sizzen iepen for de greve fen Hollan; oan üs doar leit de forriederlike, ünbitrousume stêd fen Staruml In stimme: Pas op, heitel Starum hat net forgetten syn öffirdigen hjirhinne to stjüren! De sprekker: Lyk yn it antlit scil ik it jim den sizze! Jim forkwanselje de Fryske frijheit for it smoarge goud fen de greve fen Hollan! Jim dije en wirde grou, en it fierdere Fryslan kin forkomme! De abbet: Stiltme! Dizze wirden binne der by troch! Sa scilstü net fierder sprekke! De Starumer, forachtlik: Lit him mar fierder raze, earwearde. Us skippen scille der net minder fol, üs wenten der net minder ryk om wêze! De Westergoaër: Skande oer de fette keapljue dy't Fryslan forriede! En der binne mear sokken yn Fryslan! Hiel Wyt-Eastergoa is der fol fen! 41 Great opskoer; gerop by de Wyt-Eastergoaërs: „Dy wirden scilstü wier meitsje!" De Westergoaër: It stiet sa fêst as in hfis! Jim hawwe brieven skreaun oan de greve fen Hollan! Jim hawwe him de hilde bean en üs forretl Jim krüpe for de frjemden, lytse, gemiene eigennutters dy't jim binne! In Wyt-Eastergoaër: Wy scille üs it brea net üt 'e müle stjitte litte om dyn gelikens! Wy hiene rjuchtl Seis binne jim to lef om to striden, dêrom krüpe jim de oaren oanl De Westergoaër: Mannen fen Westergoa, scille wy üs det sizze litte! Foart mei de forrieders! Dy fen Wyt-Eastergoa: Forrieder dy't it seit! Der driget in greate striid, gunt sjucht men de swirden lüken. Nei hieltiten bisocht to hawwen de heibel to kearen, rjuchtet de abbet fen Klearkamp, syn rie ta'n ein, him ta syn meirjuchters, forlit syn sit, wylst de oaren allegearre rize, en stelt him twiske de stridenden, folge fen de oare iedmannen; den ropt er mei greate stimme: De abbet: Sjuch ta hwa't jim treffe! Wé, as jim eagen blyn binne! It wirdt hwet s tiid er; hja üntsjugge de prelaet yet. De gearkomste fen de Upstalbeam is üntboun! By de weardichheit fen myn ampt hjit ik jimme, forlit dizze wijde oarde by sté en stoune, elts nei in kant! Wé as jim earen net hear re! Hy wachtet, rjucht oerein, en sjucht great oer de mannichte hinne; effen wachtsjen; den forspriedt dy hjar. Men heart stimmen: „Wy sprekken inoar wer!" „Grouwe Fetkeapers!" „Gemiene Skieringers!" It wirdt leech ünder de Upstalbeam; ek de nuchters jowe hjar óf oan wearskanten, ütsein ien, dy't nést de abbet stean bliuwt. Yet hieltiten heart men de geroften fen 'e reboelje. 42 De rjuchter: Mei ik jo in ried jaen .earwearde? De abbet: Jy hawwe frij. Hokker? De rjuchter: Nim krjichsfolk yn jins kleaster. Ef yet better, earwearde, lear jou müntsen de wapenhannel. Ik haw nuvere drigeminten heard. Klearkamp hat fijannen. De abbet: Nimmen yn dit ünlokkige lan is mear sfinder fijannen. Mar safier scille hja net gean. Ik bitrou op de earbiedenis for de tsjerke. De rjuchter: Bitrou net to sterk. Binne dit Kristenminsken, tinkt jo? De abbet: Bring my net yn forsiking. De tsjerke hoedet hjar ünder hjar skepersstêf. Mar hja lykje mear wolven as skiep. De münts Aegidius stoarmet op yn greate oandwaning. De münts: Heit... earwearde heit... nou is it slimste bard... De abbet: Bidimje dy, myn soan. Us foeget net sa'n forbjustering. Hwet docht dy sa oan? De münts: De Westergoaërs hawwe ien fen Wyt-Eastergoa daet... Frysk bloed rint oer de woartels fen de Upstalbeam ... De abbet, skriljend: Nou is de ündergong net mear to stuitsjen. Finis patriae, finis Frisiae. (Tsjin de rjuchter.) Ik tankje jo for jou ried, Hear. Ik scil myn kleaster bisterkje. De foarhing slüt. 43 IT FYFTE TAFRIEL. IN BOER. REIN ANES. SIBE HETTES. FOLK. IT ROUWENDE FRYSLAN. Tsjuster. In skoftke, en de hérold forskynt fennijs. Hy bliest en kindiget oan: „Yn it jier fen üs Hear 1523, de 10de fen Novimber. Twiske de doarpen Baerd en Littens yn Westergoa, by in terp." Hy giet, en de foarhing lükt iepen. Men sjucht in treastleaze lansdouwe ünder in drouwende hjerstloft. Nei foaren in nou min bigeanbere wei, dêrefter de ynsinking fen de lansleat; yet fierder rint de groun op nei de terp. Huzen binne net to sjen yn de neiste omkrite. De sinne is yet net ünder, mar de wolkens jeije wyld it loftrom lans en fortsjusterje hjar ljocht; bytiden reint it. Oan de kant fen de wei, nei lofts, op in rouwe stapstien for ruters, sit hl breklike jonge, syn krukken yn de iene han, Ünforweechlich. Syn antlit hat it bleke en fêste fen minsken dy't folie lijd hawwe; hy haldt it keard nei rjuchts eft er dêr ien wachtet. Fen lofts komt in greate, foarse boer; de kile en seilbokse ünder de modder. De boer: Nou moat it wrychtich net malder wirdel Dêr sit ien yn dit waer! Hy bikruset him. Ik mocht wol weromgean... as det mar suver spil is... Der komt him hwet yn 't sin en hy makket him ta man. Bistü it, Rein Anes? De jonge, mei in heech en klear lüd: Hwet wolle jy? De boer: Heden, heden, as ik net tocht det der in spoek siet! ilt hert slacht my noch yn 'e kiel. Ho hast it yn de holle krige, dy dêr del to jaen yn dit waer? Rein sit yn 'e rein, mei men nou wol sizze. Mar dit is dochs gekkewirk, net? 45 De jonge: Ik bin wirch. En ik wol wachtsje. De boer: Wachtsje? Hwerop? Hwet minske hastü hjir to wachtsjen yn dizze hjerstjoun? Ef (wer bang) wachtestü op... hwet oars? De jonge, steech: Ik scil jo net wizer meitsje. De boer: Nou... hoegst net lilk om to wirden ... ik mien it dy ommers goed, jonge.' Mar der is net folie slot yn dyn praet. Hwet Kristenminske jowt him nou op in paed, mids yn 'e neare hjerst? De jonge: Jy moatte mar fierder gean, as jy neat witte. De boer: Heden jonge, hwet bistü my in nuveren-ien. Witte, witte, hwet scoe ik nou witte... (hy bit inkt him): lit my nou ris sjen... it is Slachtmoanne, en wy telle de tsjiende... mieri, dêr ha 'k it... Ei jonge ja, it is hjoed de Landei fen üs Steaten to Sntts... Jonge, jonge, en wachtestü nou op nijs dêrfen? De jonge: Sibe is nei Snits ta op 't hynder. Hy scil tynge meinimme. De boer: Sa mal kin 'k it net oangean! Dêr sitstü nou op to wachtsjen, in foech jonge, dy't himsels net ienris rédde kin! Hwet hast dy yn 'e kop helle, jonge! Lit dêr de hearen mar oer plachtsje, hwet is üs der nou oan fêst! In minske moat om himsels tinke, siz ik mar; dêr hat men al skoan genöch oan! De jonge: Jy komme üt 'e modder en geane nei de modder ta. Jy moatte mar fierder gean. Hy keart syn antlit of, sadet er de boer net mear sjucht. 46 De boer: Dü hast se alle füf net, jonge. Mar du moatst net miene, det ik gjjn niget oan nijtsjes haw. Ik wol hjir mines ek fen hawwe. Soks moat men yen net üntkomme litte. Fen rjuchts komme yet in pear doarpers oantraepjen. Under it folgjende petear komme der stadich mear, fen lofts en rjuchts beide, sadet der in aerdige kliber to wachtsjen stiet. Der binne ek frouljue mank. Ien fen de neikommers: Is Sibe Hettes al werom op 't hynsder? De boer: Yette net, minsken. Ik stie hjir ek al in set to wachtsjen. It scil my ris nij dwaen, ho't it jern hjoed to Snits hispele is. Dêr komme yet mear, leau 'k. In oar: Yn Baerd en Littens witte se der allegear fen, det er nei Snits is om tynge. En ja, men is den fensels al nijsgjirrich. De boer, swetserich: De heechste lansbilangen sitte deroan fêst, minsken! Jonge, dêr moat men net licht oer tinke! Dêr meije wy wol effen de keallen for wachtsje litte, oars net? In oar, spotsk: Sêfts wol, froede Fries. As Os foarfaers goed en bloed dêrfor oer hiene, kin by Os it boarnen wol fn amerijke letter. De boer, hwet kitelich: DO hoegst in oar net sa oer de snüt to slaen! Salang as de böter goed jildt, scilstü it dy ek net drok meitsje mei lansbilangen. Miskien hastü seis dyn stim wol for in aerdich dofke forkoft! De oar: Oardielje net eltsenien nei dyn eigen hert, keardel! 47 De boer, op ien ein: Keardel! Keardel! Ik bin krekt sa goed in frije Fryske boer as dü! Gerop: Dêr is er! Sibe Hettes is werom! Qejüch: Eala! Ealal Der wirdt rümte makke en men sjucht Sibe Hettes, in sterke, drege Fryske jongkeardel, op syn moai boersk forstrüpt, mar de hege learzens ek ünder de modder. Sibe Hettes, ergere: Jim raze eft jim de kij ophelje. Bring it hynder nei de pleats, Sjouke. It is biswit, dü moatst it in dek oplizze. Hwet meilijich, mar frjeonlik: Och heden, Rein, sitstü hjir to wachtsjen? It folk: It nijs! It nijs! Sibe Hettes: Nou ja, skreau mar net sa. It wier better det jim de hannen fiks üt 'e mouwe stieken as lyk alde wyfkes de nijtsjes to bitsjanseljen dy't oaren jim oerbringe. Wy libje hjir yn in moai folk njunkelytsen! Wy sitte ünder de kwint fen in frjemd, mar wy moatte fral witte ho't er üs ütstrüptt In oar: Nytgje nou mar net mear. Det helpt dochs allegear gjin byt. Hwet ha de Steaten bisletten? Sibe Hettes: Hwet scoene se bisletten hawwe? Hwet scoene üs Steaten bislute as dêr't de frjemd hjar op oanstiet? Hwa praet yn Fryslan langer mei in frije Fryske tonge? Opsitte en „woef" sizze as se üs in stikje woarst foarhalde, det is hwet wy nou dogge! In oar: Us Steaten bisteane üt hege frije Friezen. Hja scille gjin feintetsjinst dwaen. 48 Sibe Hettes: Hiest hjoed to Snits wêze moatten! Hege frije Friezen allegearre, it wier in noft nei hjar moaije mantels en wite plommen to sjen! De frouljue röpen jüchhei det hearren en sjen forgyng yen! Mei gauwens scille hja gjin feinten mear ha wolle dy't gjin mantels en plommen drage as dy fen Eastenryk! In oar: Hwet kinne üs dy klean male! Siz üs hwet üs Steaten bisleaten! Sibe Hettes: Det ha 'k jim ommers al sein! Hja bisleaten neat. hja seine „woef for de woarst dy't Karei fen Eastenryk hjar foarhaldde! Hja hildigen him as erflik en rjuchtlik hear oer de frije goaën fen Fryslan, him en syn neiteam beide! Wer in oar: Det kinne hja net dien hawwe! Hja hawwe him hildige as keizer fen Dütsklan, net as greve fen Hollan! Sibe Hettes: Ljeagen! Dêr hawwe hja üs swiet mei halden! Hja hawwe him hildige as hear fen Fryslan, lyk as al de oare lege lannen hearen hawwe! De Landei fen de Steaten bistjürt üs net mear! Karei fen Eastenryk is hearsker! Forheftige biweging. Gerop fen „Skande!" Sibe Hettes: Hja hawwe mear dien! Karei fen Eastenryk syn fjildhear, dy't Fryslan mei it swird twongen hat om syn hear de hilde to biwizen, hja hawwe him in stik goud foreare om't er de frede yn Fryslan hersteld hat! Gerop: De Steaten fen Fryslan hawwe üs forret! Hja fortsjintwirdgje it folk net! Wy scille üs los meitsje fen hjar! Wy scille opstean! IV 49 In grüs man, mei ifide stimme: Sibe Hettes, yn hokfor tael hawwe' hja dy skandlike dingen bisletten? Sibe Hettes: Fensels yn de tael dêr't nou üs müle nei stean moat, yn it Dytsk fen Karei fen Eastenryk! De grize man: Den hat it gjin krêft for it folk fen Fryslan! Gjin wearde hat for üs hwet yn frjemde tael oer üs bisletten wirdt! Wy geane der like rjucht om! Gejüch en gelaits. Gerop fen: Det haldt! Det ha se net foarsjoen! De Fryske wet yn it frije Fryslan I In hege, fiere stimme: Net ien fen jimme scil mear rjucht gean, o Friezen, Allegearre scille jim jim to bügen hawwe, lyk as ik my to bügen haw! Yn it west stiet de loft oertrille mei in frjemde gloede. Men sjucht de sinne net, mar efter de wolkens liket in heimsinnich fjür tb barnen. Heech op 'e terp, mar foar de hjerstloft stiet in frouljuesfiguer yn swarte reagen. It gejüch fen it folk stjert wet yn gelüster; den swijt it alhiel. Men heart allinne mear it rüzjen fen de hjerstwyn. Frjemd en fier klinkt dêroer de stimme fen Fryslan: Frysldn: Hear nei my, o Friezen, hear nei de swalkster, dy't gjin honk mear hat yn it heitelan! Hear nel hjar, lyk as men heart nei in stjerrende, hwent net ien fen jimme scil dit lüd by syn libben mear hearre. Yn dizze einichste Üre, yn dizze skieding for ieuwen, stean de wierheit net tsjin dy't nou wach wirde wol yn jim herten! Ik bin it, o Friezen, dy't jim laette troch dizze rige fen moeisume ieuwen. In lan fen tier en frucht wier jim jown, yn jim herten wier de krêft fen it libben. Ut de dizen fen it ünbikende binne wy kleaun ta it ljocht fen de dei. Ik haw jim laet en bisiele, myn dreamen makken jimme de nachten ljocht, myn 50 dieden makken jim de dagen ta greatens. Mar hwet laette ik jim ta de dei, wylst yn jim herten opsloep it tsjuster? De gloede fen de hate is riisd yn jim herten, de dize fen de niid hat jim eagen biwoelle. It swird hawwe jim litsen üt 'e skie, om soannen fen Fryslan to treffen. Mar tsjin my wier it det litsen wier elts swird fen Fries tsjin Fries, myn skiëntme wier it dy't dylge waerd fen jim hannen, myn krêft wier it dy't forblette fen jimme striid. Forlern is de kroane dy't ik droeg sünt myn jonkheit — mar hwet telt in kroane? Wei binne hja dy't nést my gyngen yn de moarn fen myn libben; myn dreamen hawwe jim forlaet, myn dieden ta skande brocht. Iensum swalkje ik roun oer de erflike goaën;. seis myn rouwe wirdt net üntsjoen. Pleitsje jimsels net frij mei hokfor wird fen jim müle. De wytgers hiene jim yn jim formidden, kleare, sterke ljuwe, dy't jim moannen ta ienheit. Mar ho klearder hja sprieken, ho mear jim hjar haten. Jim lieders hawwe jim forstaet, jim greaten forballe. Jim tsjoede hertstochten binne ütgien oer it lan fen myn ljeafde, en jim hawwe de trou noch de greatens noch de hillichheit üntsjoen. Dêrom is myn grime great wirden tsjin jim, dêrom scil ik gjin gedild mear hawwe mei ien fen jim. De geast fen Fryslan forlit it lan det hjar jown wier. Iensum en earm hawwe jim my makke, my, de bliidlaitsjende, dy't yn it libben bitroude; lear nou seis iensumheit to forstean. Jim scille my siikje, mar nimmen scil my mear fine; nei my langje, mar nimmen scil my sjen; om my roppe, mar ik scil gjin biskie dwaen. Werom scil ik gean nei de oarde, dêr't ik üt teach; jim dy't my haten, sjuch ho't jim libje scille sünder my. Jim adel scil stean yn de hoven fen frjemden, jim skatten scille forstruid wêze oer de^ ierde, de eigen tael fen jim müle scil lytsachte wêze by eigen en frjemd. Gean yn it rjucht tsjin jimsels, o Friezen. Tink net det ik ljochtsje scil for jim neiteam, salang de 51 alde forblining yet yn jim formidden bistiet. Dy dei det jim sizze scille: seis fordreauwen wy hjar, seis sloegen wy hjar, seis stiene wy hjar nei it libben, o greatste fen üs skilden — dy dei scil der hope wêze for jim. Flok net de frjemden, mar gean yn it rjucht tsjin jimsels. Forfolle is de tiid, fortein is de swiere üre. Farwol, o Friezen. Yn jim formidden is Fryslan — net — mear. Hja is fordwoun, de Ioft glanzget yette. Under de minsken komt biweging, net ien praet Iflder as yn lüstertoan. Ien fen 'e mannichte: Wy scille gean moatte, elts nei syn eigen hüs. In oar: Arbeidzje, arbeidzje, en net tinke oan dit. In tred: Jimmer scil dizze stimme neiklinke yn üs earen. In fjird: Arbeidzje, arbeidzje — miskien is der ütkomst. It folk is gien; allinne de breklike en Sibe Hettes bliuwe oer. Sibe Hettes: Gean mei, Rein. Wy scille dwaen hwet wy kipne, De breklike: Ik kin net, Sibe. Moatst my hjir litte. Ik rêd my wol. Syn frjeon doar net langer oanstean en giet. De breklike jowt him óf fen de stien, nimt syn krukken en rjuchtet him sa det er de eagen hat op it West. De breklike: Noch is der ljocht... noch is der in bytke ljocht... (lüder:) Salang der ien is dy't dy ljeavet, meistü üs net forlitte. o Frvslan.. 52 De stimme, fierwei: Salang it folk my net Ijeavet, kin ik net yn Frysldn bistean, o soan ... It léste ljocht stjert wei. De breklike: O.... Hy fait del by de stapstien en brekt üt yn wyld en hertstochtlik snokkerjen. De foarhing siüt. De skouskieding sakket. Muzyk, ynsettend mei toanen fen rouwe en dróvens, dêr't hiel njunkelytsen in ljochter toan as in sêfte fortreasting trochhinne klinkt. In skoft klinke dizze twa motiven nést inoar mei gelikense krêft; den tilt it ljochte üt boppe it dünkere en wreidet him üt ta in swidens fen kleare en blide klank. De skouskieding lükt omhegen. 53 IT SECHTE TAFRIEL. MASTER GYSBERT JAPIKS. JONKER WATSE FEN CAMMINGHA. SAMUEL FEN HARINGHOUCK. Tsjuster. Nei in telmennich forskynt de héroid. Hy bliest en kindiget oan: „Yn it jier fen üs Hear 1663. Yn de wente fen master Gysbert Japiks to Boalsert." Hy giet en de foarhing lukt iepen. Men sjucht in keamer yn it hüs fen Master Gysbert; oan hwet der stiet is dtidlik to sjen det de romte beide as wen- en learkeamer brflkt wirdt. Dêr hearsket in aldfryske skjinnens, dy't de bliken fen krapte lykwols net weinimme kin. De mürre is opset mei stientsjes, op de flier lizze matten. In greate alde spine tsjinnet tagelyk as boekekast; tafel en matten stoellen; tsjin de mürre efter rjuchts, in aldfryske klok. In pear skilderijkes fen Wybrand de Geest binne de ienichste forsiering. Rjuchts foar, in finster, dêr't it ljocht fen in iere hjerst trochhinne fait; dêrnêst in skriuwtaffeltsje, dêr't folie alde pompieren oer forsiedde lizze. Efter dit taffeltsje sjucht men master Gysbert, op in stoel, hwet nei lofts jonker Watse fen Cammingha. Gysbert Japiks is nou ien-en-sechstich jier Sld, mar syn sköging teikenet heger jierren. Syn antlit stiet bleek en wirch, allinne de eagen hawwe yette de alde glans. De biweging fen syn hannen is flnwis en as siikjend; om to lézen bitsjinnet er him fen in forgreatglês; nou en den ünder it praten, tyspelet er hwet om mei in greate goezzefearren pinne. Syn dracht is dy fen in ienfaldige boargerman, mar keal en forsliten. Ek de jonker is griis; hy is in earweardige forskining yn gans djürder ütris. De jonker: It is den sa öfpraet, master Gysbert? Kin ik jou soan yette foar dizze winter op 't Amelan forwachtsje? Master Gysbert, suchtsjend: Jon Edelheit moat tank hawwe. Hast eangje ik üntankber to lyk jen mei al myn bis wieren... Mar hwet swierst is moat swierst weage. Myn soan kin net libje mids de forlieding fen de wrald. Hy scil hjir togroune gean, en syn alden scille stjerre yn earmoed. 55 De jonker: Dêrmei moatte jy gjin noed hawwe, master. Jy hawwe ta gelok inkelde frjeonen yn Fryslan. Mar meast is it heil fen jou soan det ik op 't each haw. Dé iensumheit fen it eilan koe him bringe ta ynkear. Master öysbert: De sé scil wêze twiske myn soan en üs. Sa biswierlik is de reize fen Fryslan nei it Amelan, seit men. En wy wirde ald, myn alderljeafste en ik. Fen üs seis is hy de ienichste dy't yette oer is. Ik winske him net fier óf, as skieik de Heare my roppe scil. De jonker: Faeks scil er him bettere hawwe foar dy tiid, master Gysbert. Master Gysbert: Sa bid ik eltse joune fen myn libben. Ik kin net oars as Jon Edelheits hoaske oanbiedinge oannimme mei greate tank. En wol myn biswieren slaen yn jamkste falde. Wist ik net, ik praette tsjin in frjeon, ik hie dit forkroppe yn it eigen herte, mei safolle oars. De jonker: Gjin greater biwiis fen jins frjeonskip koene jy my jaen, master Gysbert, as my diele to litten yn dizze biswieren. Sa winskje ik de foartgong fen üs frjeonskip aller tiden. En nou mei ik net mear freegje fen jins üren fen Fryske stüdzje; mynhear fen Haringhouck wachtet al in setsje op de ein fen üs underhald. (Oerein:) Ik winskje jo de seine fen omhegen en in goede sounheit, master Gysbert. Master Gysbert: Jon Edelheit allyksa. Wol frouwe Rixt myn tsjinstrée groetenis oerbringe. De jonker giet; master Gysbert sit wer foar syn tafel en leit yette in pear pompieren torjuchte. Yn de doar forskynt Samuel fen Haringhouck, ütjower to Boalsert. Hy is in fiks en feardich man fen in lyts fyftich, yn syn praet klear en libben, in tsjügenis fen Ingelske saeklik- 56 heit (hy is in berne Ingelskman) foar de mimerjende Fryskens fen Master Gysbert oer. Mar hy hat in ram en wiid herte, en is myld for de alde skriuwer, for hwa't er in frjemde mingeling fen forearing en meilijen fielt. Fen Haringhouck: Béste master Gysbert! rjucht bliid bin ik jo yn sounens wer to sjen! Master Gysbert: Wêz wolkomme, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje, jou fiere reize nei Ingelan lit jo net to ünfoldien oer üs Fryske sljuchtens. Fen Haringhouck: Planüt sein, wirdste frjeone, ik bin bliid fen werom to wêzen. Frjemd is it sa't jou heitelan seis de bern fen oare kontreijen oanlükt en ta eigen makket Sünder mis, yn Ingelan is mear tier, mear droktme binammen. It libben dêr sprekt mei lüder stimme. Mar ienris hjirre biwend, kin men de myldens fen dit alde lan min mear misse. Earst en binammen moat ik jo de rjucht hertlike groetenis oerbringe fen master Junius to Oxford, frjeone. Master Gysbert: Ik tankje master Junius en jo mei ynlike blidens. Ik hoopje, syn hege witten ski p forsommet it ünderhald fen syn Fryske kennisse net. Fen Haringhouck: Dêrfor hie er fierstento goed ünderrjucht by jo, master Gysbert. Yndied, hy droeg my op, jo to sizzen det er jo dêrfor tige forplichte bliuwt. Mei greate wille fornaem er fen it plan fen de ütjefte fen jins rymlerije. Jamk scoe it him oanstean as wy him in pear kopijen for de bibletéken fen Ingelan biskikten. 57 Master Gysbert: Bliid bin ik, wirdste frjeone, det men op inkelde plakken üs nommele Fryske tonge yet eare weardich achtet, mei it ek wêze yn fiere en frjemde lannen. Mar oangeande de Rymlerije winske ik my yetris mei jo to forstean. Op it ynlikst hoopje ik, jy scille jou frjeone net kwea öfnimme det er syn bitinken foroare. Lang haw ik hjiroer tocht en mimere. Mar ik bin kommen ta dit bjslüt, frjeone fen Haring* houck: de Rymlerije moat net by myn libben forskine. Fen Haringhouck: Mar master Gysbertl it wirk dêr't jy sa folie by opset hawwe, det sa to sizzen' jou hiele libben draegt I det in plak for Frysldn winne moat en scil yn de kinst fen üs tiden! Master Gysbert: Ik forseach jins forheardens, frjeone, en ik forstean, ik moat jo rekkenskip hjiroer jaen. Mei myn hiele hert bin ik dêrta ré. Frjemd is it det ik my tsjin jo to uterjen kom oer dingen dêr't ik nea mei ien fen it eigen folk yet oer praette. Mar it is my as kin ik mei jo, dy't gjin Fries binne fen komöf, better prate as mei mannichien fen üs eigen minsken. Fen Haringhouck: Ik rekkenje my dit ta eare, master Gysbert. Mar net gau scille jy my reden jaen kinne, sterkernöch, om it bislüt det jy neamden, to binlikjen. Master Gysbert: Wol harkje, frjeone. Dürjende jins reize noaze ik yetris de fersen fen myn Rymlerije troch. Al de fersen, fen de earsten fen myn jonkheit of. Ik sette my dêrta gear as in wirk fen plicht. Mar it is net müglik dichten mei plicht to bihanneljen. Hja bigounen fen nijs for my to libjen. It wier wünderlik, ik seach hjar brekken en ünfolsleinens sa klear. En dochs tsjügen en songen hja elts mei in eigen lüd. Yn de dagen fen dizze sêfte hjerst gyng, mei it lüd fen myn fersen, hiel myn libben wer foar myn eagen foarby. 58 Fen Haringhouck: My tinkt, det biwiizget, jins wirk wier goed, it hat in eigen wêzen? Master Gysbert: Miskien, frjeone. Mar faeks die de tsjoen fen it oantinken net minder. Ik haw jounen hawn, det ik de lektuere ófbrekke moast; myn eagen woene net mear mei, myn moed wier to fol. Sokke üngelikense stringen hat it libben yn myn herte triljen dien. Fen nijs seach ik de oermoed fen myn jonkheit, de earnst fen myn ripens, de dróvens fen myn alderdom. De blide jierren to Wytmarsum, ik hearde hjar wer sjongen en laitsjen. Ik seach my, krêftich en ryp, oan de side fen myn alderljeafste. Ik seach ós bern lyts, en great wirden ünder memme en heite noed; ik seach hjar forreizgjen ta de better kontreijen, Ien for ien. Forjow, det ik safolle sprek fen mysels. Det alles libbe efter dy dichten op it giele pompier; it wier as seach ik myn eigen libben dêr foar my. Dêrom bin ik hwet tear oer myn wirk, frjeone. It is de frucht fen myn libben. Fen Haringhouck: Yn wierheit, master Gysbert, sa is it. Hwa yn Fryslan scil it oars forstean? Master Gysbert: Jou frage sljuchtet de wei for it oare, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje net det it skriuwers-idelens lykje mei, hwet ik as sljuchte wierheit forstean. Safolle spot haw ik heard yn Fryslan, safolle slim en dróf misbigryp. Ik mien net to sizzen, det hja sünder fieling binne for dichting en kinst. Mar hja achtsje hjar eigen sprake net, mei de alde Fryske tonge driuwe hja follertiden de spot. In makker fen Fryske rymkes, lyk as hja it neame, is net folie tel yn Fryslan. Djip treft en wounet my it domme praet oer de rouwens fen üs sprake. Tinkt jo, ik sjuch dit to swart? 59 Fen Haringhouck: Ik woe, det ik it sizze koe, master Gysbert Mar it is mar al to wier. For in Ingelskman is it swier to forstean ho't dit folk syn tael sa forsmite kin. It is dochs sa klear, it is hjar eigen, it is de tael dy't de Skepper fen ierde en himel hjar joech. Jan Jans Starter, in frjemd, moast komme, om it earste Fryske liet to sjongen. It is ünbigryplik. Master Gysbert: Sa is it, for elts dy't suver tinkt. Bytiden tink ik: in frjemde tsjoen leit oer Fryslan hinne. Yn it herte fen Fryslan libje wy, en it liket gjin Fryslan to wêzen. Wier ik jong, frjeone, ik telde dit net swier. Mar nou stean ik oan de ein fen de wei. En hjir is de Rymlerije dy't det alles ynhat. Jow ik hjar yn it ljocht, it scil my wêze eft it djürste fen myn libben finder kalde frjemden komt. To nei scoe it my gean, moast ik fen nijs spot en wanforstean fornimme. (Effen stiltme.) Jy binne foldien, frjeone fen Haringhouck? Fen Haringhouck: Sa bin ik. Mar Master Gysbert, glimkjend: Ik forstean hwet jy winskje scoene to sizzen. As de Heare my ropt, scille jy frij hawwe myn dichten to printsjen. Scoene jy der biswier yn sjen, ik naem it jo net kwea öf. Jy scille de foarste wêze, dy't it lüd fen in Frysk sjonger hearre litte scil yn Fryslan. Fen Haringhouck: Ik bitsjfigje, gjin soarch scil my dêrfor to great wêze, master Gysbert. Men heart fen efteren it spyljen fen in oargel. Master Gysbert: Tank frjeone. Nou bispilet myn alderljeafste it oargel, ta noeging for it jounmiel. Dogge üs de wille en jimmetsje mei üs, frjeone fen Haringhouck, sljucht en rjucht as üs jounspize is. 60 Fen Haringhouck: Sok in hoaske noeginge mei ik net öfslaen, master Gysbert. Sêft en wflend spilet it oargel fierder. It léste jounljocht fait troch it finster, en spraet syn gloede oer de grize sjonger. Fen Haringhouck kin net litte nei him to sjen, en der komt in fromme earbiedenis yn syn eagen. As it oargel ophaldt, seit er yette: Fen Haringhouck: Ien wird mocht ik yet sizze, master Gysbert. Master Gysbert: Hokker, frjeone? Fen Haringhouck: It kaem yn my op, wylst ik jo dêr sa sitten seach, yn it jounljocht, oan de ein fen de wei, lyk as jy it neame. Ik wit net hwet it is. Mar wünderlik is de macht fen de geast. Ik haw in fielen, eft jou wirk yet libje scil yn Fryslan as de greaten fen üs dagen allang ta moude forgiën binne, ja as de spot en ünforskilligens oer de eigen tonge, lang hearre scil ta it forline. Master Gysbert: Det it de himel sa haegje meil Ik tankje jo for dit wird fen bitrouwen. — En nou, frjeone, lit üs gean ta it jounmiel. (Hja geane.) De foarhing slut. 61 IT SAUNDE TAFRIEL. PROF. EV. WASSENBEROH. SYTSE HETTINGA. REITSE JANS. FJOUWER OARE STUDINTEN. Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan: „Yn it jier fen üs Hear 1811, to Frjentsjer. Yn in keamer fen de Akadeemje fen Fryslan". Hy giet, en de foarhing lukt iepen. Men sjucht in learkeamer yn de Akadeemje, alderwetsk en ienfaldich. Mids efter, hwet nei rjuchts, is in doar, dêrboppe in buste fen Pallas. Rjuchts twa finsters, lofts ien, mei swiere gerdinen dêrfoar. Mids efter, nei lofts, in skou mei barnend hirdfjür; dêrboppe in greate skilderij fen de keizer Napoaleon. Yn de keamer, lofts, de sprekstoel for de pref ester; dêrfoar yn 'e lingte in tafel mei stoellen dêromhinne for de studinten. It is joun, en in greate kroane mei kjersen barnt mids yn de keamer. Bütendoar waeit it fül, de sigen docht de gerdinen nou en den forwegen. Yn de keamer binne fjouwer studinten, feardige libbene feinten, klaeid nei de dracht fen dy tiden. Ien stiet yn de prefester syn sprekstoel, in oar sit op de leartafel, twa oaren steane ticht by him. Hja sjugge yn spanning nei de doar; it is dtidlik det hja ien forwachtsje. De earste studint: Ik leau der neat fen det it hwet wirdt! Hy strüpt der for om, hwet ik jim siz! De twadde: Den kinst Reitse Jans net, heite. Hy hat der for wedde. It is in earesaek for him. Hy lit it nea slüpe. De tredde: Ik mei 't lije det er it der öfswit. Dy alde Mombosius mei wol ris in öflear hawwe. In prulfint en oars neat! Hy hat my oer 'e staech set by myn propaedeuse, allinne om't er it mier oan my hief De fjirde: Dêr komt ien, jonges! (tsjin de earste:) Moatst üt dy stoel weikomme, stalke, it kin Wassenbergh seis wol wêze! De earste, ünsteurber: Kin net. Dy syn tiid is 't yet net. 63 De t redde: Siz ris, jonges. As Reitse ynkomt, allegear re sa lüd as wy kinne: „Ave triumphator!" As er de prük hat, komt it him ta; hat ér him net, den stiet er biskamme! De oaren: Ja, ja! tige! De doar giet iepen. Hja sette yn „Ave tri..." Hja komme net fierder. Ynstapt in jongfeint yn de uniform fen Fransk garde-soldaet, in boek finder de earm. Forbjustering. De twadde, sjucht it: Sytse Hettinga, sikersonk! Ho komstfi hjir joun yette! En yn dizze ütris! Sytse, glimkjend, mar hwet earnstich: It wier de iêste kear, ju. Ik woe de tael fen master Gysbert yet ienris hearre. Hwa wit yn ho lang ik se net mear hearre scil. De keizer sparret syn soldaten net. Hja binne yn ienen stil wirden. De foarste.- It bidjert de joun detstü moarn by üs wei moatst. Sytse: Sa net, frjeonen. Wy scille de moed der ynhalde oan de ein ta. Tink mar net om dit pakje; de minske is der deselde om. Mar mei hokfor blide gjalpen scoene jim my niis bigroetsje? Ik hald ek yet wol fen in moaije bak, hear! De twadde: Reitse Jans scil alde Mombosius in loech öfsjen. Dü witst, dy twa hawwe it grou op inoar. Wy ha him hwet oanfitere. Do hat er wedde. Hy scoe de ald man syn prük üntfytmanje, wylst hja der beide libbenliifs by wierne, en sünderdet de alde him yn de lampe hie. De tredde: Dér is ien, jonges! Det is er! Ave triumphator! 64 De doar giet iepen en Reitse Jans forskynt. Hy is in earste bysfeint, en hat syn draei tige. De oaren roppe lüd meiinoar: Ave triumphator! Yn ienen stiet er rjucht oerein, as in oerwinnend fjildhear, en hellet mei in steatlik gebeart efter syn rêch de prük fen prof. Mombosius wei dy't er as trofé omheechhaldt. Gejubel, de studinten dounsje om him hinne; Sytse Hettinga haktt him hwet efteróf. De studinten: Fortelle! It relaes! ho hast it oanlein! Fortelle! Reitse jans: It wier sa ienfaldich as it aei fen Columbus. Hear nei myn oerliz, en jim scille my biwünderje. Jim witte allegear, alde Mombosius komt om dizz' tiid by syn mieltiid wei. Hy yt fiks, en drinkt better; hy is net for neat sa roun as in tflntsje. En as er it iten bihimmele hat, giet er to frijen. De studinten: Det liigstü! Mombosius grien! Optinksels! Reitse fans: Sa wier as ik dizze prük omheech hald. Hy hat it forsjoen op de alde widdou Truffelsma; dêr sit modder oan 'e kloet. Dêr kuijeret er den hinne, it bolwirk om. Joun wier it in joun üt tüzenen. Piktsjuster, en it waeide det it rikke. Ik stelde my op efter in grouwe beam, nést it hoekhüs. It wierre my mei en it twirre my mei, kin 'k wol sizze. Krekt do't alde Mombosius om 'e hoeke komt, myn beam foarby, in püster fen gewelt. Ik mepte him de hoed öf en pakte teffens syn prükje beet; sa hie 'k it. Ien fen de studinten: Mar hy scil dy wol mirken ha, heite! Sa hat er grif net yn 'e doljoarum west! Reitse Jans: Gjin sprüt dêrfen! Ik koe him krekt skarreljen sjen üt myn skülhoekje wei. Hy tocht det it de wyn wier, seach en socht alles öf, foun syn hoed werom, mar fensels, it prükje net! Do kaem it moaiste. Wylst er dêr yet omsneupt, komt Wassenbergh 65 V der oan; hy roun him hast tsjin it liif. Mombosius wist net ho't er der mei oan moast. „Gij vindt mij in eenige ongelegenheid, collega," sei er. „De kracht des winds in dit gure land is bevreemdend. Zoo meteen rukte hij mij mijne peruike van het hoofd." Wassenbergh tocht: nou hat er him hielendal om. „Ik leau earder det jy in slach fen de moalpüde as fen de wyn beet hawwe," sei er. Mombosius fette dêr fensels gjin grevel fen. Ien fen de studinten: Io triumphe! for de greatste bysfeint fen Frjentsjer! In oar: Hwet moat der nou mei de prük barre? De studinten troch inoar: Ophingje boppe Mombosius syn sprekstoel! Efter op syn toga bispeldzje! Syn snüfdoaze dêryn biwoelje! Reitse fans: Né, nommele frjeonen. Myn herte is nou wer stimd ta myldens, oan myn grime is foldien. Oare moarn is 't Mombosius syn jierdei. Wy stjüre him in earste klas taert en litte de prük yn in doaske dêryn bibakke. Wy litte him bisoargje ... By Jupiter, Sytse jonge, bistü hjir ek! Det 's al hwet kras, det ik dy net earder sjoen haw. Sytse: Ik woe dyn moaije bak net bidjerre, heite. Dit is grif de béste fen dyn fiten. Reitse fans: Moatste moarn foart? Sytse: Ja. Net mear oer prate, ju. Ik bin nou yet by jim. Stiltme. Reitse Jans hat it prükje weimoffele, en liket forbjustere. De doar giet iepen, en pref. Wassenbergh komt yn. Hy is in weardige en frjeonlike forskining; syn antlit leit safolle gloede en myldens oer, det men kin bigripe det de studinten for him troch it fjür geane. Dizze joun lykwols liket er oandien; de studinten merkbite it mei gauwens. 66 Wassenbergh: Joun, frjeonen. Sytse hjir ek? De reis der om makke, Sytse? Hy füstket mei him. Sytse: Ja, professor. Wassenbergh, him oansjende: De léste joun? Sytse: Ja, professor. Wassenbergh keart him om en komt foar it byld fen de keizer lans. Effen liket er yn opstan to kommen, mar hy bitwingt him. Hy leit syn pompieren, dêrby in Gysbert Japiks, foar him yn de sprekstoel. Wassenbergh: Ik hie joun de Fryske Tsjerne yetteris mei jim léze wollen, frjeonen. Mar jim moatte my üntskildigje. Ik bin hwet forslein. Do't ik hjirhinne gyng, tocht ik: ik moat de les mar jaen sünder my hwet skine to litten. Mar ik kin it dochs ek net for jim stil halde. En nou't Sytse hjir sa yn ienen foar my stiet, kin ik it alhiel net mear forkropje. Wy binne hjir as goede Friezen mei-inoar. Ien fen de studinten, hwet riedend: Is der nou wer hwet... mei de Akadeemje, professor? Wassenbergh, nei in koarte stiltme, réd, as kin er dêr net lang oer prate: Der is in streek troch de Akadeemje helle. Wy bisteane net mear. Ien fen de studinten: Det kin net.... Hy sjucht Wassenbergh oan, mar dy syn antlit wiist de wierheit kleardernöch üt. Stiltme. Net ien doar en kin hwet sizze. Bütendoar heart men de wyn, great en fül. Op it lést seit 67 In oar fen de studinten: Det is net to leauwen. Men kin yen det ommers net tinke... Us Akadeemje kin üs dochs net üntnommen wêze... Der is grif in forsin, men hat de keizer forkeard ynljochte Wassenbergh: De amptners fen de keizer binne krekternöch. Sadré't it bisiik fen Cuvier oankindige waerd, hat it my swier op 'e lea lein. By alle freeslikens bliuwt it sa tige bigryplik; men kin yen krekt tinke ho't it west hat. De keizer hat jild nedich, jild — en minsken. Hy hat de list fen de hegeskoallen foar him krige üt syn nije Franske provinsje; hy hat sein: seis, det is to djür. En hy hat in streek helle troch de twa minst bisochten. Hwet kin hy witte fen hwet dit for üs bitsjut, hwet wit de Korsikaen fen hwet der omgiet yn Friezene herten? En wist er it, hwet koe it him skele? Hy sjucht de wrald dy't fol fijannen is, hy wol se delslaen. Hy hat üs yn de macht, hy biskikt oer üs. Ien fen de studinten: Hy is in tyran. De foltsen scille de dei fen syn fal priizgje. (Lüsterjen: Sst, sst, tink deroml) In oar fen de studinten: Mar wy kinne üs Akadeemje net misse. Tink jim det yn: net mear yn Frjentsjer leare, net mear üs thüs hawwe yn it lytse stedtsje, om utens to learen gean. Fryslan kin syn Akadeemje net kwyt. Hy kin net lang regearje Wer in oar: As er fait... Oranje scil helpet Dit ünrjucht kin net bistean. Wassenbergh: Wy kinne net folie forwachtsje, frjeonen. Ik hald fen Oranje, en dizze nacht scil foarbygean. Mar ik 68 wit ek hwet to wachtsjen is fen regearen. Hja binne selssuchtich, hja sjugge de djippe geastlike neden fen it folk net, hja hearre allinne hwer't men lüd om ropt. It kin it tinken net fen my ófsette, dit wier net bard as de keizer witten hie, it Fryske folk stie as ien man efter syn Akadeemje. Do't de departemintale yndieling kaem, moasten alle oare lege lannen hjar nammen forlieze, mar dy fen Fryslan liet er bistean. It wier in lyts blinkje hope. Mar dit hat in ding fen neat for him west. Sytse Hettinga: Professor, ik woe freegje. Ho kin dit eigentlik allegearre yn Fryslan? Wy halde dochs fen üs eigen folk, fen üs sprake. Hwerom stipet men üs net? Is it net ünbigryplik? Wassenbergh: Det is it, Sytse. Bytiden tink ik, der leit in tsjoen oer hiel Fryslan... wy libje yn it herte fen Fryslan, en it liket gjin Fryslan to wêzen... Mar wy meije de moed net forlern jaen. De greate master fen Boalsert stie allinne. Det is mei üs oars. Reitse Jans: Wy hawwe mankoar. En it scil oars wirde yn Fryslan. Wy scille üs bést dwaen. Sytse Hettinga, klear dêroer hinne: As it moat, lit alles falie. De greatens fen Fryslan, de Akadeemje, üs libben, alles. As wy mar wis binne det Fryslan libjen bliuwt yn de herten fen hwa't hjar ljeavje. Den is de opstanning wis. Wassenbergh: Lit dit den üs léste wird wêze, frjeonen. Bitwongen, bidrige, forlitten, wy halde oan Fryslan fêst. Hja kinne üs biróvje, üs krêft brekke kinne hja net. En nou, myn frjeonen, wy scille joun de Fryske Tsjerne net mear léze. Mar lit üs yet ienris léze 69 master Gysbert syn Jounbede, lyk as wy det wend wieme to dwaen. Hy slacht syn Gysbert Japiks iepen, en bigjint to lézen mei oandiene stimme. Wassenbergh: Nou is de dei forroun mei Qre en stoune, Oermits de sinn' doldükt, yn wetters groune. Meitse üs nou, Sliep, fen God om réstjen jowne, Dei's lést onboune. Ien fen de studinten: Kom swiete sliep, üs eagen firdich binne. Det swierlik d rog jen net ontstjürgje üs sinnen. Det soarch en eangstme üs rêstnjue net oerrinne, Noch fré forwinne. In oar, sterker: Kom swiete sliep. Mar wêz üs fêste boarge Det nin nachtgrime üs fettet by de loarge, Det wy net reitse yn fij'ne weaze en foerge; Hald wacht en soarge. In oar, heger: Mar Y boppe al, Tsjerk-haed, Jon weitsers seine, Wolsillige Inglen, det s' al onrie weine, Det Jon skiep Jo, fen' Hol, net wirde ontteine, Ontskake ef skeine. Sytse Hettinga, fêst en klear: As den, troch sliep forkwikke, ljeave Heare, Wy firdich moarn-ier f üs birop werkeare, Holp det üs dwaen en litten, ta Jon eare, Wol wirdt rejeare. Wassenbergh: As den, frjeonen, üs Akadeemje, dizze fakkel fen Frysldn, dove wêze moat yn de stoarm fen üs tiden... 70 Ien fen de studinten: Hjar fjfir scil foartbistean yn üs herten In oar: En wy scille it ütdrage oer hiel Fryslan In oar: En der scil wêze in nije dei.... Sytse Hettinga: En der scil wêze: Üntweitsjen. Prof. Wassenbergh slüt syn boek. De foarhing slüt. 71 IT ACHTSTE TAFRIEL. DE JONGEREIN FEN FRYSLAN. DE TWIVEL. DE STOF. DE GEAST. DE IDELHEIT. DE SKIENTME. DE DOMMENS. DE KLEARENS. DE MISMOED. IT BITROUWEN. DE LEFFENS. DE MOED. DE TWANG. DE FRIJHEIT. DE HATE. DE LJEAFDE. Tsjuster. Ringen komt de hérold, bliest en kindiget oan: „Op de grinzen fen it forline en hjoed. Untweitsjen fen de Jongerein fen Fryslan." Hy giet en de foarhing lukt iepen. Yn de romte hinget in frjemd healtsjuster, ündüdlik sjucht men de seame fen in wald. Rjuchts en efter manske beammen, lofts strewellen. Rjuchts foar, foar de stammen in frjemde griene opheging, det in ald alter fen seadden wêze koe; oan wearskanten dêrfen twiske de beammen stean twa greate lyljes, sletten. In skelle wearljochtflits, foartendalik folge fen in lang oanhaldend tongergerommel. It wirdt ljochter. Lofts, op 'e groun ünderskaet men saun foarmen; seis dêrfen lykje to lizzen. ien, de jongerein fen Fryslan, sit as wekkerskrille rjucht-op. Rjuchts op de forheging stiet in tsjustere forskining, bleek en meager, roppend mei in flnwis en binearjend lüd: De Forskining: Wêz wach en folgje my, o Jongerein fen Fryslan! De Jongerein: Hwa bistü dy't my ropt to folgjen? hwet docht my sa kjel üt myn dreamen üntweitsjen? De Forskining: Om dy hinne stiet de himel yn fjür en de groun dinder't fen de fordylging. Pas ier bistü üntwekke, o Jongerein fen Fryslan. De folken geane Onder yn de greatste striid dy't de wrald oanskóge. Hoedzje dy, hoedzje dy, slüt dy oan by myn feilige lieding. Ik scil dy bringe dêr't de geroften fen de striid net mear klinke, dêr't de ivige stiltme is en de rêst. De Jongerein: Eang en near wiswier makket my de droaning fen de striid, o forskining. Mar ik kin net gean ear't ik net wit det der feiligens is for myn skat. Ik noedzje eat, my djürder as de rêst, djürder as hokfor stiltme. T3 IJe Forskining: Sjuch ta, o Jongerein, en lit gjin waen dy rjuchtsje togroune. To wyld is de tiid, det eat dyn gong biswierje mei. Hwet hoedest dü dos mei sa greate soarge? De Jongerein, in glanzgjende skeal fen kristal optillend: Ik noedzje de tsjelk dêr't de treast fen Fryslan yn is. Sünt hja gyng, dronken dêrüt al ós lieders en striders, en it wier hjarren it libben. Unthjit my by it hillige det hja feilich wêze scil, en ik folgje dy. De forskining, skriljend: Yn frjemde dreambylden bistü bitiisd, o Jongerein fen Fryslan! Ik siz dy, neat kinstü meifiere op dyn gong troch de barnende wrald. Lit falie dit boartersgüd op sterke stien en dü scilst frij wêze for jimmer! De Jongerein, wizend nei de forskining: Nea, nea scil ik dy folgje, o byld fen domme forlieding! Nou wit ik dyn wêzen, nou scil ik dyn namme neame! Hwent dyn namme is Twivel, en dyn wêzen is it Neat! Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. It wirdt Ijochter; op it plak fen de Twivel sjucht men in oare forskining, klaeid yn poarper en alhiel mei glinsterjende stiennen bihongen, op de holle in gouden kroane mei in greate bloedreade stien; hjar lüd klinkt kreakjend en droech. De Forskining: Folgje my, o Jongerein fen Fryslan! Los binne britsen de krêften fen de wrald, yn de wieling fen de striid rize macht en eare omhegen! Ken de krêft fen dyn jonkheit en folgje my en de skatten fen de ierde bin dines! De Jongerein: Wis langje ik nei de striid, wis is it herte my ré ta died, o Forskining. Folie ünthjitstü my, en nei folie bin ik bigearich. Mar fjuchtsje scil ik net for for idele winst fen de wrald. Skat haw ik ge noch; biwarje my dy en ik bin ré dy to folgjen. 74 De Forskining: Frjemd liket it detstu in skat hawwe scoest yn sa greate forlittenheit, o jongerein fen Fryslan. Macht en rykdom dije yn iensumheit net. Siz my dyn skat en ik scil dy bettere wize. De Jongerein: Myn skat is de tsjelke dêr't de treast for Fryslan yn is. Sünt hja gyng, dronken dêrüt al üs lieders en striders, en it wier hjarren it libben. Unthjit my by it hillige de feiligens fen dit bisit en ik scil gean dêrstü wiist. De Forskining: Riker bistü as ik ealge, o Jongerein fen Fryslan. Mar nést myn jeften is bleek en earm dyn skat. Lit der in boun wêze twiske üs en lit üs roalje fen jeften, en de minsken scille knibbelje for dyn rykdom. De Jongerein, wizend nei de forskining: Mei dyn wirden forriedstü dy, o machtich byld fen forlieding! Bilêz oaren, astü kinst, mar my scilstü earder wêze ta feint as ta hear! Ik ken dy, o forgonklike: Stof is dyn namme, en dyn wêzen is Skyn! Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. De forskining fen de Stof is gien, op hjar sté stiet in forskining, klaeid yn blinkend wyt, mei gjin oare rissing as in Ijochtsjend swird oan hjar side. De lyljes oan wearskanten geane iepen en bloeije mei in heimsinnige gloede. De Forskining: Bistü wekker en ré, o Jongerein fen Fryslan? De Jongerein: Untwekke bfn ik fen it bêd fen myn dreamen, o goede forskining. Ré ta hwet moat ik wêze? De Forskining: Ta moanning en wytging bin ik dy stjürd, o Jongerein üt in alde stamme. De tiid fen dyn dreamen is gien, meitsje dy op ta de striid. Eat kostbers is dy bitroud, to kosfber det it oantaest wirde mei fen de wazem fen it forgean. Draeg it üt yn de wrald, o Jongerein, til it mank dyn folk omhegen. 75 De Jongerein: Lyts is myn moed en myn krêft sa earm, o goede Forskining. Oan sokke teare hannen is dit greate bitroud. Dü hast it ljocht en it witten; nim dü it en ik wol dy folgje. De Forskining: Neam my myn namme en wytgje my myn wêzen, o dü bitrouwende. De Jongerein, lüsterjend: Geast is dyn namme en Wierheit dyn wêzen, o dü benedijde. De Forskining: Dit is den myn wytging oan dy, o Jongerein fen Fryslan. Hwetstü warrest, is skat fen de minsken; minsken moatte it hoedzje en noedzje. Nea kin ik nimme hwet dyn hannen bitroud is. Mar krêft scil dy jown wirde üt genede, astü ynmoedich fregest. De Jongerein: Goede geast, gean my foar en ik wol dy folgje, myn skat warjend yn eigen hannen. De Forskining: Neat kin ik dy biede, o jongerein, as in lange reize fen striid en wirgens. Wachtsje net fen my hwet ik gjin macht haw to jaen; wachtsje net it goed fen de ierde. De Jongerein: Mar myn skat scil feilich wêze?, De Forskining: Feilich scil wêze dyn skat for aloan, o jonkheit. De Jongerein: Ik wol komme, ik wol komme, o geast (hy forriist alhiel). Wé my, swier is de tsjelke en de wei fol neden. 76 De Forskining: Gean en gean aloan, o jongerein fen Frysldn. Fen rjuchts komt, klaeid yn in dracht dy't hjar foeget, mei in lange rfizjende sleep, in nije forskining, dy't hjar stelt yn de wei fen de jongerein en him tsjinkeart. De Idelheit, laitsjend: Ha, ha, ha! Yn in moaije ütris forskynstü yn de wrald, myn frjeon. Dit is dochs in bytke alderwetsk net, dit erfstik fen ieuwen? Wolstü bilake wirde by ütman en eigen? Sa scille de minsken oars net nei dy sjen as mei meilijen en argewaesje! Ien fen de Dreamen, dy't yet leine, forriist, en giet stean neist de jongerein. De Skientme: Dyn spot scil him net reitsje, o Idelheit, al to iepenbier is dyn earmoed. Forlit dizze wei dy't dy ta fordylging wirdt. Hy giet net allinne, de Skientme scil nést him wêze. De Idelheit: Ah!.... Hja slacht de 'hannen foar de earen, en wykt üt de romte. De jongerein docht in stap foarüt. Fen rjuchts forskynt in grouwe en sleauwe foarm yn kostbere ütris mei greate wêzenleaze eagen. De Dommens: Dit is in frjemde manear om dyn wei troch de wrald to siikjen, heite! Hjir scilstü fier mei komme! Det in minske him sa oan syn ljeafhabberijen forgrieme kin! Den moat men ek al fier hinne kommen wêze, net? Ien fen de Dieden forriist en giet stean nést de Jongerein. De Klearens: Jow dy öf, wêzenleaze Dommens. Mei al dyn ünbidige swierens scilstü gauwernöch yn it neat forgean! Hjir is gjin heil fen dy to hoopjen, siikje dyn oefte yn oarwei! Feilich scil er wêze for dyn wanforstean, hwent de Klearens is nést him! 77 De Dommens: Soa, soa, soa. Hy wykt fen it paed óf en forlit de romte. De jongerein docht in trêd foarüt. Fen rjuchts forskynt in lange meagere frouljues-figuer mei bügde holle, pratend mei kriterich lüd. De Mismoed: Der is neat mear to hoopjen, jongkeardel. Dü hiest earder wêze moatten. Alles is forlern, ik skriem as ik derom tink. It is dien, en dü moatst mar nei hüs ta gean. Och, och hwet is it libben den al in binaude stoarje. Ien fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nést de Jongerein stean. UBitrouwen: Der is mar ien mislearring, nommele frjeondinne, en det bistü seis. Wy hawwe inoar al ris earder moete, wier? It stiet my net foar detste der better fen wirden bist. Wy woene wol hwet oanmeitsje; it Bitrouwen stiet foar dy. Wolst üs hwet rümte jaen? De Mismoed: Och, och, och... Hja bigjint to kriten en forlit de rümte. De Jongerein docht in stap foarüt. Fen rjuchts forskynt, yn earmtlike klean en riljend oer al syn lea, in nije foarm. De Leffens: Ho doarstü, ho doarstül Dü witst net hwetstü bigjinst! Ik wik dy, dü hast it slimste to wachtsjenl Sokke spoeken ha 'k sjoen, it hert slacht my der yet fen yn 'e kiel! Ik ryboskje de hiele wei lans! Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nést de Jongerein stean. De Moed: Wy binne net allegearre bang for üs eigen skaed, ilindige leffens. Wiswier, by in sköging as dines koe men der oars fen wirde. Mar somliken geane ta gelok rjuchtop en eangje neat. Dü forfeelst my, meager spoek. Wolstü mei de Moed dy mjitte? Ut 'e wei, ef dü bist forlern! 78 De Leffens: Oeoeoeh! Hy filet üt, sünder weardichheit. De Jongerein docht in stap foarüt. Fen rjuchts komt in rouwe wrede figuer yn in gans forsliten rêsting, pratend mei in kald en hird lüd. De Twang: Ik warskögje dy. Gjin stap scilstü fierder gean. Ik ha dy nou langernóch bigean litten. Ik tocht, dü scoest wizer wirde, mar it wirdt earder minder. Nou scil it üt wêze. Dü giest tobek, ef oars.... De Jongerein tilt de skeal heger. Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nést de Jongerein stean. De Frijdom: Scilstü it dröfste fen dyn folie dröve forsinnen bilibje, o Twang. Dü witst dochs dyn earmtlike machtleazens oer de geast fen de minsken. Njuggen tsjiende fen dyn wapens hastü forspile yn de striid om dy to bihearskjen. Wolstü op dizze wei de Frijdom fennijs bistride? Wy binne ré. De twang skoddet syn füst, mar swijt en wykt üt de romte. De Jongerein docht in stap foarüt. Fen rjuchts komt in stille, loerende figuer, slüpenderwize, klaeid yn in barnend giel, pratend mei in heaske, lüsterjende stimme. De Hate: Al de oaren hawwe dy sparre. Ik scil dy net sparje. Ik bistriid rounom tagelyk, ik krüp yn dyn fleis en bloed, warleas biste tsjin my. Jow dy oer yn myn tsjinst, ef dü scilst forstean hwa't ik bin. De léste fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nést de Jongerein stean. De Ljeafde: . Sa lang kenne wy dy al, o Hate. Mar ik woe detstü my oansjen woest. Den scoestü de Ljeafde forstean. En der foroare eat yn dyn wêzen. De hate sjucht hjar oan, mar foartendalik slacht er de mantel foar syn eagen. 79 De Hate, snokkerjend: O.... Hy wykt üt de romte. De Jongerein is kommen ta de forskining fen de Geast, dêr't er him op de knibbel foar deljowt; de Dreamen en Dieden nige de holle. De Jongerein: Goede geast, hjir bin ik. De wei wier net sa swier as ik tocht. Ik haw myn skat biwarre. Kinstü my wije ta strider? De Forskining: Yn de stoarm fen üs tiden, yn de bitizing fen de folken, mar yn de klearens fen de geast, draeg fierder en fierder dyn skat, o Jongerein fen Frysldn. Hja rekket mei de punt fen hjar swird de krune fen de tsjelkdrager. De foarhing slüt. 80 „lenkear scil de moarn forrize Dy't it nachtlik kwea bitwingt..." Sang fen de Upstalbeam. IT NJUGGENDE TAFRIEL. DE SISTERS FEN DE NACHT. DE KENING FEN DE MOARNTIID. DE TIID. IT NIJE FRYSLAN. DE JONGEREIN FEN FRYSLAN. DE UPSTALBEAM. WESTERGOA. EASTERGOA. DE SAUNWALDEN. DE STEDDEN. DE EILANNEN. NOARD-FRYSLAN. FRYSLAN OM UTENS. Tsjuster. Opkomt in faem, dragend in brune mantel oer in klaed fen foaren mei pompeblédden forsierd, en in kranse fen reid en forjit-my-netten op 'e holle; den forskine fen wearskanten twa hérolden, ütrist yn de kleuren fen Fryslan. Hja blieze; de faem stekt in silveren stêf omhegen en kindiget oan: „Earne yn de kriten fen de takomst. De weromkomst fen Fryslan." Hja geane en de foarhing lükt iepen. Men sjucht deselde waldseame as by it bigjin; allinne liket de yngong mids efter eat heger. Oer de rümte hinget in healtsjuster, dêr't men, flak by de yngong, trije greate, spineftige foarmen yn ünderskaet, drok dwaende de yngong ticht to meitsjen mei reagen. Rjuchts fen hjar, tsjin de waldseam, klaeid yn in mantel fen himelblau mei stjerren bisiedde, sit de Tiid, roungear. Hy haldt syn holle yn de hannen en liket as slomjend; syn stêf leit nest him. Ien fen de Sisters fen de Nacht: It is net heal genöch. Mear reagen hawwe wy brek. Sok ilindich genifel! Jim forsteane neat fen jim wirk. Jim moatte smoare, net fortsjusterje. De twadde: Oei, oei, oei; ik bin sa wirch. It ljeafst makke ik fen al det spil in bêd om op to sliepen. Lekker sêft scoe det lizze. De earste: Lit my det yetteris fen dy hearre, sleauwe tutte! Det scil ik dy oars yndruije! Skreppe en oanpakke scilst as net wolst det ik dy mei eigen hannen de nekke omdraei! De tredde: Jim kenne der allebeide neat fen. De ien wol fierstento hastich, en de oar is to sleau. De ien docht alles forkeard, en de oar docht neat. 83 De earste: In greate bek en in bytsje pielen sjitte wy ek neat mei op. Ik scil it de Nacht trochdwaen ho gemien jim syn djflre tiid forluiterje. De twadde: Oei, oei, oei, nou ha 'k myn bikomst. De wrald moat himsels mar rédde. Ik wol my net forskreppe. Hjir hast myn frachtsje derby, Gystenskrep. Hja smyt hjar trop reagen de earste yn it antlit. De earste: De eagen scil ik dy ütklauwe, dü sleaukemoei, dü ding fen neat! In oar litstü bodzje en seis spilest de jiffer! Mar dér haste gjin troanje for, Slieppekop! De tredde: Och ljeave sauntjin, sa giet it hjir nou altyd. Nou fleane se mankoar wer yn 'e hierren. Ik bigryp net hwet sokken yn de wrald dogge. In ljochtstriel glydt oan, en rekket de tredde. Au, au! Ik wik jim, sisters fen de Nacht, it ljocht is op kommen! It barnt yn myn hüd! De earste en de twadde: Wé! wé! nou komt er üs dochs oer it mat! Det is dyn skild, dines! O! o! fierder lükt it, wy scille forgean! De tredde: Wy moatte flechtsje! Foart, foart! Mei wylde gjalpen strüze hja üt 'e rümte wei. It ljocht glydt wüd en roazich oer de rümte. Beammen, krüden en moas glanzgje yn de frissens fen de moarn. Fen lofts komt, klaeid yn in mantel fen flamjend fjür en mei in strieljende kroane op 'e holle, de kening fen de Moamtiid. Oan syn side hinget in swird, it hansel ynlein mei dauwepearels. Yn it oanglidende ljocht giet er ta op de yngong, ünderhellet syn swird en klearret mei ien slach de yngong. 84 De Moarntiid: De nije dei is bigoun! Wêz wekker, o Tiidt De Tiid, him oprjuchtsjend: Ik wier net sliepend, o kening fen de Moarntiid. Nea bisiket de sliep de eagen fen de Tiid. Mar sims haw ik fen mysels gjin witten. Hokker dei is dit dy't bigjint mei sa great in dage, o kening? De Moarntiid: Ta my kaem in stimme to sprekken: Meitsje dy op en siikje de Tiid, meitsje dy op en gean ta it wald fen Fryslan. Klearje de wei for de kommende, hwent hjoed scil hja komme fennijs. Forljochtsje de lfinsdouwe fen Fryslan, det hja de eagen fen hjar Frouwe fornoegje. De Tiid: Hwet seistfi, hwet seistü, o kening fen de Moarntiid! Sa scil hjoed it antlit fen Fryslan oan hjar folk wer forskine! Wol my det ik wersjen scil dy't skül gyng sa lang yn it grien fen hjar waldenI De Moarntiid: It folk fen Frysl3n wirdt wekker, it komt himsels to forstean. Wider weaget it ljocht oer syn fjilden, de skiere toerren en de romme pleatsen, de lüsterjende walden en de riljende marren binne klear en nij fen myn glans. Net fier kin it earste lüd mear ófwêze fen üs earen, o Tiid. De Tiid: Hark. Sêft, as yet yn fiere fierte, heart men in sjongen. Hiel stadichoan wirdt it klearder. Men fornimt de meldije; en it binne twa fersen fen it liet fen Colmjon: „Wy, wy Htte lis tael net farre", dy't men heart. De Moarntiid: It earste üntweitsjen is kommen. De dreechsten en klearsten fen it folk bitinke hjar op it forline. 85 Eat fen de wearde fen eigen sprake wirdt hjarren forsteanber. Yet is it inkeld en twiivlich; faek scille de winen fen de moarntiid it wer forwaeije. Wytgje my: hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op dizze earste en tearste lüden Fryslan forskine? De Tiid: Hja forriist fen hjar bêd fen blommen en krüd earne yn it hert fen it wald. Skerp leit hja it ear to lüsterjen, en hja glimket. Mar hja bringt hjar han oan de foarholle en tinkt. Tofolle yn dit sjongen forstiet hja it priizgjen fen it forline allinne. Hja tinkt oan lang lyn. Hja toevet en komt yette net. Hark. Eat tichterby, mar yette op fiere öfstan heart men sjongen fennijs. üizz' kear binne it it earste en léste fers fen van der Burg's: It Heitelan. De Moarntiid: Krêftiger wirdt it lüd, greater earnst wirdt forsteanber. Net ljeafde ta lan en sprake allinne, eat fen it witten fen de siele fen Fryslan wirdt iepenbier. Ik hear de lüden klinken fen Noard ta Süd, ik sjuch de rigen hjar foarmjen. Wytgje my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op dit greatst ünthjit fen Friezene herten Fryslan forskine? De Tiid: Hja makket hjar op ta it bigean fen de bidauwe paden. Hja glimket net mear, yn hjar eagen is in glans fen earnst. Hja forstiet, de trou oan hjar komt to libjen ünder hjar folk. Mar hja mist yette it lüd fen de jonkheit en hja wachtet yn langstme. Hja toevet en komt yette net. Hark. Tichteby heart men sjongen fennijs, dizz* kear twa fersen fen de Jongfryske Findelsang. It lüd klinkt al klear oer de romte. De Moarntiid: Kommen sjuch ik ta de seame fen dit wald, de jongerein fen Fryslan. Yn hjar hannen draegt hja in glanzgjende tsjelke, teare en sterke forskinings 86 geane myld om hjar hinne. Fierder giet de stoet oer de klearens fen de mieden, blommen en herten geane iepen fen myn ljocht. Wytgje my: hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil by dizze glans fen jonge wijing Fryslan forskine? De Tiid: Ik sjuch hjar, hja stiet oan it bigjin fen de wei dy't nou nij foar hjar ütleit. Yn hjar hannen hat hja de kroane dy't de Geast hjar bea; hja siert hjar hier dêrmei, ta in tsjügenis fen hjar wêzen. Mar hja nimt de hannen gear en freget de ienheit fen hjar folk. Hja toevet en komt yette net. Hark. Oan de grins fen de rümte dy't men oanskóget klinkt in sjongen fennijs. Nou heart men twa fersen fen de sang fen de Upstalbeam. De kening fen de Moarntiid keart it antlit ta rjuchts. De Moarntiid: In findel sjuch ik, blinkend yn it nije ljocht fen de moarn. Breed wreidet in manske iik dêrop syn tüken fen ieuwen üt. Ik lêz de wirden ünder det findel, en hja binne: rursum viridis, grien fennijs. Ik sjuch it folk dêrefter yn greate rigen. Wytgje my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil by de groetenis fen dit findel Fryslan forskine? De Tiid: Hja strüst oan oer de paden fen de bidauwe bosk, yn hjar herte it langstme. Iepen geane de waldfioelem, en de fügels sjonge it lok oer hjar üt. Fierder en fierder strüst hja en rounom nige de beammen. Hja forstiet de ienheit fen hjar folk, hja scil forskine. Fen trije kanten tagelyk wearklinkt in koarte krêftige bazünstjit. Tagelyk forskine fen lofts de Jongerein fen Fryslan, de tsjelk haldend yn hjar hannen, folge fen de Dreamen en Dieden, dy't de wei mei hjar gyngen; fen rjuchts in findeldrager mei it biskreaune findel fen de Upstalbeam, folge fen in folksrige, symbolysk forbyldzjend; fen efter fjouwer jonges en famkes, Fryske miedeblommen en inkelde roazen dêrmank struijend foar de toetten fen Fryslan, en yn hjar formidden Fryslan seis. Rjuchtop stiet hja, in mylde en yet jonge forskining, kroane mei de kroane fen de Geast. 87 De Tiid: Ik dy't it earste dy moete, hwaens fjilden dü sokke lange en swiere ieuwen bigyngst, hwaens fjilden dü nou wer bigean scilst fen nijs, — o mei it wêze ta lok fen dyn folk en ta dines —, doch dy myn groetenis, o Frysldn. De Moarntiid: Ik, hwaens strielen it bigjin fen dyn nije dei forljochten, en dy't opkommen seach üt it tsjuster de krêften fen dyn folk, ien for ien, nij en sterk yn it witten fen dyn weromkomst — o mei hja wêze for jimmer — doch dy myn groetenis, o Fryslan. De jongerein: Ik, oan hwaens hannen nei in rige fen swiere ieuwen de tsjelke fen dyn Treast bitroud waerd, dy't ik dy suver en ünskeind weromwij, ik, dy't great wirden bin yn dyn hope en my yn dyn ljeafde üntjown ha, doch dy myn groetenis, o Fryslan. Nigend set er de tsjelk foar de foetten fen Frysldn del. De Upstalbeam: Ik, for hwa't it opkaem dyn ienheit fen nijs to stiftsjen as it ünöfwiisber bitingst for dyn weromkomst, dy't my opmeitsje striidber fierder to gean for dy — o mei it wêze sünder de Ünsillige alde forblining, — doch dy myn groetenis, o Fryslan. Fen lofts komt op in faem, dragend it findel fen Westergoa; by de folgjende bilde forskine de draechsters om bar fen lofts en fen rjuchts en stelle hjar om bar op rjuchts en lofts fen Fryslan. Westergoa: De ülde goa fen Westergoa, dêr't de terpen lizze, it honk fen dyn bern sünt it bigjin fen dyn stoarje, docht dy hjar groetenis, o Fryslan. Eastergoa: De alde goa fen Eastergoa, dêr't de walden rüzje, dêr't de striid om dyn hillichheit en dyn Kristendom striden waerd en bieine, docht dy hjar groetenis, o Fryslan. 88 De Saunwalden: De jonge goa fen de Saunwalden, fruchtber en tierich makke fen dyn bern yn in nommel en great wirk fen frede, docht dy hjar groetenis, o Fryslan. De sfêdden: It ketier fen de stêdden, ienris it meast fen dyn sprake forfrjemde, nou fen nijs forfolle fen dyn wêzen en dyn lüd, docht dy syn groetenis, o Fryslan. De eilannen: De lange rige fen eilannen, dêr't de skümjende sé tsjin briek, de meast omfochten en omstoarme dielen fen dyn lansdouwe, dogge dy hjar groetenis, o Fryslan. Noard-Fryslên: De mienskip fen de Noard-Friezen, skaet fen it stamlan, mar biwarjend dyn sprake en dyn wêzen, docht dy hjar groetenis, o Fryslan. Frysldn om utens: De mienskip fen de Friezen dy't honk en brea siikje moasten om utens, mar dy't yn de kjeld en de tropen fen it ütlan yette dyn ljeafde biwarren, docht dy hjar groetenis, o Fryslan. Frysldn: Fryslan docht dy hjar groetenis, o folk fen Fryslan! Djip wierstü fallen en sonken, mar de krêft fen de alde stamme forliet dy net. Fennijs sjuch ik dy stean, safollen as myn stamme nou telt, safollen de lottering fen myn skiednis oerlibben. Fennijs scil ik gean mids jim greiden en walden, oer de glans fen jim marren, en gjin bern fen Fryslan ef it scil myn wijing yn syn herte forstean — Dit is myn foarste wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: om de tiid dêr't jim striid yn is, to forstean. De eardere slachten dy't my tsjinnen, joegen my folie greats: yn de gielgoede fen 89 myn ünthald leit it biwarre as in skat, en Fryslan scil hjar hjar eare wiswier net ünthalde. Mar nou moatstü stean yn in oare wrald, o myn folk, en yn oar formidden moatstü dyn wêzen biwarje. Forstean det ik net bin fen de Stof, mar fen de Geast. Meitsje my great yn de forkleare kontreijen — Dit is myn twadde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: gjin wirk lyts to achtsjen det dien wirdt for my. Somliken róp ik ta greate sköging en krêften, oaren ta it dimmene wirk fen de sljuchte üren. Mien net det ik lean jow neffens greatens, tink net det ik tankber bin for skientme allinne. Sa hwa't arbeidet for my mei de trou fen syn herte, lean en tank scil er hawwe by my, die er ek it lytste wirk for Fryslan — Dit is myn tredde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: warje jim ienheit, warje jim ienheit foar alles. Rjuchtlik is üs wirk, rjuchtlik üs striid, mar machtich is it misbigryp fen de wrald. Sjuch ta det nea net nije bitizing (uitstiet yn jim herten en fen nijs jim fiert yn 'e lichte. Sa hwa't my siket, scil my fine; stridend yn de klearens fen Fryslan, net for jimsels, mar for my allinne, scil jim ienheit sterk stean tsjin eltse bitizing. Ik groetsje dy, o folk fen Fryslan. Hald dyn stêf omhegen, o Tiid; lit dyn ljocht rize ta de dei, o Moarn. Myn skiednis bigjint fen nijs. De Tiid tilt syn stêf omhegen, oer de rümte lukt it folie ljocht fen de dei. In sêft sjongen wirdt fornommen, op, foar en efter de rümte; it binne de foarste rigels fen de nije folkshymne. Ringen sterket it sjongen oan; den wirdt de rümte it skógjen ünttein. De foarhing slüt. — EIN. — 90 Fen deselde skriuwer : KENING ALDGILLIS, epyske forbylding for great toanlel yn flif ütkomsten. yn fersen. Ynn. f2.75. ynb. f4.25 NOARDERLJOCHT. histoaryske forbylding yn twa ütkomsten, yn fersen f WY ALLEGEARRE, evangelyske forbylding yn trije ütkomsten, yn fersen f 1.00 Wylst yn Frisia 1921—1923 fórskynd binne: DE WEI FEN DANTE. geastlik stik yn saun tafrielen. yn fersen. IN DREAM TA WYTMARSUM. forbylding üt it forline yn twa ütkomsten, yn fersen. IN MAITIIDSDREAM. forbylding yn trije ütkomsten. yn fersen. Boeken en jiergongen to krijen by de fa. Brandenburgh en Co. to Snits. en by de skrifteforkeap fen de Fryske Bibleteek, Mienskipshüs, Skrans by Ljouwert. By de Utjowers BRANDENBURGH 6 Co. to Snits. binne yn it ljocht komd: FEDDE SCHURER: Fersen. priis f 1.25, yn ban f 1.75 Dr. O. POSTMA: Fryske Lan en Fryske Libben, twade printinge, priis f 1.50, yn ban f2.—. F. J. DE ZEE: Langstme, (mei platen) priis f 1.25. Dr. I BOTKE: Fen Fryslans Groun, twade printinge. priis f 2.25 yn karton f 2.50. Dr. J. B. SCHEEPERS: Pier Panders kinst ta eare, mei selsportret fen Pander, priis f 0.50. R. W. CANNE: Rüchkalt, in bondel sketsen, priis £2.— SCHURER—BEINTEMA: War Dy! in striidsang for 1 sjongstimme mei pianolieding', priis f0.25. BRANDENBURGH &C0.