AET 760 1 Koarte ynhald: Dit satiryk teltsje wol bihannelje en de spot drhrwe mei de algemien-minskelike eigenskip dy't bisletten laeit yn it tinken: „As men seis foarby giet, is net sa slim; as in oar den ek mar neat krijt" It toaniel bliuwt alle trije ütkomsten gelyk en stelt foar: twa efteruten ef bleekjes fen twa hüshaldingen dy't jierren oan ien ienriedich mei-in-oar dêr neist elkoar libben. De eangstme det de sparpöt Ien ald-Evert-om, it gemienskippelike femyljelid, oan de iene- en net oan de oare kant tolanne komme scil, makket sa swietwei de lummel fen 'e efterutsjes ta in hel. Ont oan it ljooht komt det der alhielendal gjin sparpöt is. De wissichheit dy't de iene ior de oare nat, det, nou't fay seis foarby giet, de oare ek neat krijt, bringt de alde frede wer. Ien en oar spilet 6f om en by en oer it alde sket dat as skieding twisken de beide bleekjes yn stiet en fen foaren nei etteren it toaniel yn twaën splitst (It sket kin, as dat moot, makke wirde fen poklinnen, op in raemt. De door fen it sket insgelyks. Men kin mei in bylsje ferve de planken oanjaen mei de skreven. Alles hwet men deun tsjin it sket oan docht ef seit, moot barre, sa folie mooehlik op de FOARGBOUN. Oars scoe in diel fen it pebliek net sjen kinne, hwet oan de oare kant fen it sket hart.) Auteurswet 1912. Om dit stik opfiere to meijen, moat men, neist it foldwaen oan de forplichtingen oangeande de oare auteursrjuchten, in biwiis oerlizze kinne, det men to minsten 8 nije exemplaren koft bat. It oernimmen fen boeken fen oaren jowt gjin rjucht fen opfiering. PERSOANEN: EABE lyts gemier^ «/ EEF syn wiif -^r^Ly JAP War dochter^^ BEARN lyts gemier YF syn wiif WILT hjar soan EVERT-OM ald-gernier SEBASTIAAN LAGNIET .... syn frjeon It toaniel is bosk ef eftergroun bosk mei rjuehts en lofts in hüs. De steech neist elts fen de huzen tsjin it efterdoek oan. In ald houten sket, fen 'e foar- nei de eftergroun ta, rint midden oer it toaniel hinne en splitst dit yn twa efteruten: dat fen Eabe en dat fen Beam. In line mei in spiker boppe oan it sket fêst. Amers ensaf. In bankje by Eabe en hjar. It toaniel bliuwt alle bidriuwen it selde. Elk hüs in utdoar, ef binne ek de sydskermen bosk, den it efterste de steech en dêr oanfolgjend de tagong nei de utdoar. As de spilers net mei fyoele en harmonika foldwaende torjochte kinne, den spilet der immen etter de skermen, njunken hjarren. As men seis foarby giet Satiryk teltsje yn trije ütkomsten. EARSTE BIDRIUW. Ie Opkommen. Eabe, Yf. Eabe: (sit yn it bisgroen, pet skeef op 'e holle, op syn gemak op de bank oan it fyoele-spyljen, as it kleed opgiet. Hy spilet fen ,JZie de lelies op het veld"j Yf (sit op in bakje njonken hjar utdoar to breidjzen en sjongt mei:) Zie de lelies op het veld, ensaf. (As it sankje ül is, giét Yf oerein.) Yf (ropt:) Moai, hjer! Eabe: O, bistou dêr, Yf? Y f: (set it bakje wiles by it sket). Ei jonge ja. Ik ha wer mei galme, fensels. As ik fen 'e lelies hear, den kin ik my net stil halde. Moat ik sjonge; wolle ef net. — Nou, noch mar ris, net? — To mar, Eabe! — (is op it bakje stean gien. Sjucht nou oer it sket nei Eabe.) Eabe: Den wer fen 'e lelies, hwent oars kin ik net. Yf: Nam mesto better. — Stryk mar raek! — (set earst yn mei in lange üthael:) Sieie, de lelies — 6 — 2e Opkommen. De oaren. — Eef. Eef: (troeh hjar utdoar op. Hat in „stofke" yn 'e hdn. As Yf hommels sunjt:) De lelies? — (Sjueht nei Eabe en Yf, laket.) Ja, dy sjuch ik. Mar it binne just net fen 'e moaisten. Tominsten d i z z e net (wiist laeitsjende nei Eabe.) Eabe: Dat haste foar üs trouwen wol ris oars sein, Eef.. X Eef: Nou ja, den is men net wizer. Mar nou hwet oars. Ho fynst' dit, Yf ? (hdldt de lape dy 't se yn 'e hdn hie, foarut.) Yf: Béélderich, siz! — ! Eef: Fen Melle-winkelman. Hie krekt noch sa'n kepontsje oer, sei er. Ik tocht: dat moat ik ha. Kinne moai twa blousen ut. Ien for dy en ien for my. Us Jap scil se beide meitsje, as it dy goed is. Yf: Nou, fen seis! Ho scoe my dat net goed wêze! — Nou, to, kom hjir efkes, ju. Bearn is dochs noch net klear en Wilt is noch by alde Evert-om. Ü Eef: Dêr is Jap ek noch. — Ho kin 't sa treffe, net? Dy twa binne altyd al ljeafst by-in-oar. En nou ek noch krekt tagelyk by Evert-om oan 't wirk. Ho kin it sa moai. Yf: Ja, mar ast' dêr yn komste, Eef. Den meist' wol sizze: ho kin it allegearre hjir sa moai! Ja, is 't net wier? — Ik en dou niften fen mekoar, en beide nei de selde neamd, nei Evert-om; üs beide manljue al fen bern ef oan gesworen kameraten.... Eef: Ja en den noch, boppedat, sa hiem oan hiem, neist elk oar wen je. Eabe: En, ta oermaet fen 'e ramp, üs Jap en jimme Wilt togearre nou en den in potsje frije. Nou mankearret der noch mar ien ding oan. Yf: En dat is? Eabe: Det Bearn op syn harmonika dat sankje fen „De lelies" spylje koe en ik op myn fyoele fen „It hutje aan de zee." Den koe dyn man dy bigeleide mei de lelies, en ik koe myn wyfke bystean mei hjar hutje. — Lyk as it nou is, moat it altyd noch „gekrüstM: ik en Yf mei de lelies en Bearn en dou mei it hutje. Eef: Ja, sjuch ris, — ast' der nou om lakeste ef skriemste, dat lit m y kald. I k fyn it „hutje" nou ienkear in allerivichst moai sankje. En as Bearn dat spilet Yf: Bearn kin net oars! — Dy kin allinne mar fen 't „hutje" en oars neat. ' Eef: (witst laeitsjende op Eabe:) Dat is mei Eabe hjir krekt gelyk mei syn „lelies". — De lelies, — en den ha jy it hawn. — (as Eabe hwet sizze wol en nei hjar wiist:) Nou ja, hy bisiket it wol ris om hwet oars to spyljen.... Yf: (laket:) Mar dat rint altyd mis, fensels.... Ja, dat is mei Bearn èk al wer krekt gelyk. — Us Wilt seit den altyd: heit dirreleari wer mei syn ald harmonika! 3e Opkammen. De oar en. — Bearn. Bearn: (hot dit heard. Towyl Yf dit léste sei, is er troeh de utdoar opkammen. Haf him blykber krekt wosken, rost him mei de druge sküldoek tige om 'e holle en sa. Efter Yf, sjueht op:) Dat lychstou allegearre! — Yf: O, ja? — Nou, ho wier it den forline Snein? (wiist op Eabe:) Nou dou, Eabe! '— Hwet hastou tsjin my sein dostou Bearn spyljen hearste? Kom, seiste, Bearn giet al moai foarüt mei syn harmonika. It Wilhelmus fen Nassouwen bigjint al moai to lykjen. — Mar do 't ik der Bearn seis nei frege, sei er det er it „Wien Neerlandsch bloed" prebearre hie! (as de oar en laeitsje:) Ja, ik kin net ütmeitsje hwa 't gelyk hat, hjer, hwent it bigjin scoe 'k sizze hie in bulte fen 't „Wilhelmus" en it ein fen it „Wien Neerlandsch bloed...." Eabe: (is oan syn kant ek op hwet stean gien by it sket. Sjueht nou laeitsjende nei Bearn dy 'l glimkjende skodhollet:) Hwet ha' wy in wille, net? Bearn: Dat ha we hjir altyd. 0 Eef: Witst hwet jimm' dogge? — Bearn en dou (tsjin Eabe:) dy slope dit alde sket hjir wei. Yf: Krekt, Eef! Den ha wy dat geklauter en geklau hjir by 't ald sket ek net mear nedich. 't Is hjir dochs meiin-oar ien! Eabe: (mei bilinkelïke troanje:) Hwet tinkt dy, Bearn? — 8 — Bearn: Moat nèt wêze, jonge! Ua frouljue hingje elkoar nou altyd al yn 'e büse; as it ald sket der wei kaem, den groeiden se grif oan mekoar fêst. Dêr ha'k by tiden nou al noed mei. En dêrom, ljeave — kom! (hy tilt hjar op 'e groun.) Yf: (wiles:) Hei! hei! Hwet skeelt dy, greate gek! Bearn: (wiist op de utdoar:) Sjuch, Yf. Dêr stiet hwet wetter en hwet drüge kofje. Dat doehsf nou hiel forsichtioh yn in kantsje en as 't den mei-in-oar brün is, den ropste my. Eabe: (as Yf laeits jende óf giet:) Sa moat it, Bearn. Ik scil myn poarsje ek helje. (sjuchl nei Eef.} Eef: (giet óf.) Ja, ja, ik hear it wol! Eabe: ïs jimme Wilt noch by ald Evert-om? Ja, ik wol sizze: is er noch net thüs? Bearn: (giet op it bankje ef in omkearde amer sitten:. Né. — Jimme Jap ek noch net? Eabe: Né. — Dy skine it dêr togearre mar wakker nei hjar sin to habben by Sld Evert-om. En de alde is der alhielendal mei klear. Jimme Wilt by him yn 'e gernierkerij en üs Jap by him yn 'e hüshalding Bearn: Sa moat it, Eabe. Ald Evert-om scoe oars ek dea-forlegen wêze, binammen mei syn hüshaldinkje, nou't syn alde Janke dea is. Sa'n ald frij-feint sit den al gau forlegen. - 9 — 4e Opkommen. Bearn, Lagniet. Lag niet: (troeh de steech op. Steile figür. Platte swarte pet. Skoatjas. Swarte tripene — ef oare — pantoffels. Qoedkeap heal-wyt mei swart befke. — Blau sekje mei klean ünder 'e earm. Lang flaeksachtig flanterich hier en dito lange sik. Steil, sliif yn al syn dwaen, mar koart. Bliuwt lyk foar Bearn stean. As er stiet, stekt er Bearn de hdn ta, sjucht him lyk oan:) Lagniet. Bearn: (sjucht de oare op en del oan. Den:) Ik moat laeitsje, man! Lagniet: (altyd kdld en stiif, koart:) Omdet ik Lagniet hjit? (Sjucht him lyk oan.) Bearn: Né, mar om't jy my sa nuver op it liif falie. Lagniet: En ho hjitte jy? Bearn: Bearn. Lagniet: En jou wiif? — Ef hast' gjin wiif? Bearn: Ei jonge, ja! In bésten ien. Yfke hjit se; Yf. Lagniet: Dat kin. Dat is in wyfke Evert. Bearn: (efkes forheard:) Evert? — Ja krekt, dêr is myn wiif nei neamd. Kenne jy him by gefal? - 11 — — 12 — L agniet: Ik siikje om him. — Hy wier dit üt gien, nat men sein. Bearn: Bést moochlik, mar hy is hjir net Lagniet: Gegroet. (Keart Bearn de rêeh ta. Scil foart.) Bearn: (hdldt him tobek:) Ja, né. — Hear ris, alde! — (as Lagniet him wer om~ keart en stean bliuwt:) Hwet wier jou boadskip eigenlik. Hwet wolle jy? Lagniet: Trije dingen: to'n earsten, witte eft Evert soun is-; to'n twaden, witte eft er aerdich boerket; to'n tredden, eft syn hüshaldster, alde Janke, dea is. — En nou dou. Bearn: Ik krij aerdichheit oan jo. Lagniet: Ik ek oan dy. En nou: to'n earsten: is Evert soun? B e a rn: Ja. Tominsten neffens Lagniet: Ja is ja. Da's yn de bus. — To'n twaden, boerket er in foytsje? Bearn: Ja. — Ik tocht, dat is.... Lagniet: , Ja is ja. Ek yn 'e bus. — To'n tredden: is ald Janke dea? Bearn: Ja. Ald Evert-om syn ald — 17 — Yf: Krekt! En den fen alde Evert-om f I Eef: Ja, dat is altyd sa lekker. Yf: (tsjin Eef:) 'Nou, hjir, ju. Hald de skelk ris op. Ja, omke moat tinke, wy parte en diele hjir alles mei-in-oar. Dat heart sa, siz ik altyd en sa hat omke it ek ljeafst. Evert: Krekt, krekt. — Dat witte jimme wol. Der giet neat boppe in fredich libben mei elkoar. Eef: Nou, dat is kolossael, sjuch. Yf: Ei, omke wit it wol, ju. Al komt er hjir net alle dagen, hy sjucht dochs wol ris hwet. Evert: (smout:) En oars h ear ik it wol (giet laeitsjende óf, towyl er nei de harmonika wiist.) Ij Eef: Ooo! hwet in alde biis! Hy hat üs okkerdeis sjongen en spyljen heard. Earst Bearn en my fen it hutje en do dy en Eabe fen de lelies. — Witst' noch wol? Yf: Ja. Hwet hat^er him dó formakke! Dy alde, goede siel (mei Eef nei 't sket ta roun:) Né — hou mar Eef. Gean dou dyn gong mar, ik stil de ald doar wol efkes ticht dwaen. Eef: (troch de doar geande:) Sastou wolste. Den ha we ek gjin gejacht fen 'e hounen. Nou, jimme komnne aenstons by üs, hen? (Giet nei de utdoar ta; den óf). 2 Yf: As it heal kin, den heel. — Fen seis. (Docht de doar ticht. Giet op 'e utdoar ta. Bliuwt dér by stean.) 7e Opkammen. De oaren, — Bearn. Bearn: (kile oan, pet op, forklaeid:) Nou, ik bin klear. — Is Evert-om hjir net? Yf: Né. Hy woe perfoarst seis noch de bürren yn om in pear boadskippen to dwaen. Den kaem er hjir wer. — Ja, hjir by üs, fen seis. Bearn: Wit Eef dat ek? Yf: (sjucht him skerp oan:) Ho sa? Bearn: (mei in knyp-eachje:) Nou, neat. Mar witste hwet ik den doch? Ik stap de ald man sa kuijerjende-wize efternei. — To minsten, as er hjir neist net yngien is Yf: *Wol ik ris sjen? — Sst! — (Op it sket ta; teants• jende.) 8e Opkammen. De oaren, — Eef. I ft fjf Eef: (is by i$ léste sizzen op. Hja hat blykber ien amerij skerp harke nei itjinge der neist hjarren barde. Nou, iagelyk mei Yf, op it sket ta, teantsjende. As hja en Yf tagelyk troch de selde skreef, mekoar yn 'e eagen loerkje, skrilje se beide efkes to bek. Den, Ijeaf:) Bistou dêr Yf? — 18 - Yf: (krekt as Eef:) O, hea, bistou it, Eef? Ik — ik scoe — 'e — krekt sjen 'e — ik miende det ik jimme Jap dêr hearde. Eef: (wer foar de skreef:) Ja, ik ek. Ik tocht 'e — moochlik is se wol mei Wilt Hwet nou? Scil Bearn der op üt? Bearn: Ja, in eintsje traepje. ïMc" Eef: Den traepje ik en Eabe efkes mei. Yf: (skytskoarjende:) ' Ei né, dat is sa'n drokte, ju. t" Eef: Neat allegearre. — En witst' hwet, den helje wy meiin-oar ald Evert-om wer op. Gean jimme nou mar nei de dyk. Ik scil Eabe efkes helje; den komme wy dêr ek. Opslach! — (by it léste wiles hastich óf:) (Yf sjucht in amerij hwet sneu nei 't sket ta. Bearn docht krekt allyk. Den sjugge se elkoar oan.) Bearn: (in bytsje ontmoedig e:) Nou, den mar gau de skelk foar wei. Yf: (towyl se Bearn folget:) Sa is 't. — Se hoeve net to tinken, det wy by hjarren efter bliuwe as 't om ald Evert-om giet. 9e Opkommen. Yf en Wilt. Yf: (towyl Wilt troch de utdoar op komt:) O, moai, Wilt, bistou dêr? Nou, wy stille efkes traepje. Dou rêdsf dy salang wol. (óf). — 19 - I Wilt: Gjin need, mem, gean jimm' gong. 10e Opkommen. De oaren, — Evert, Jap. Jap: (mei Evert troeh hjarren steech op. Jap mei in koer ef tas yn 'e hdn, 'giet foar. Seit by it opkommen:) Foreichtich, Evert-om. — Hjir lizze in pear heale klinkerts yn it paed. Evert: Neat allegearre, Jap. — Né, sjuch, ik scoe oars seis dy spillen efkes helje. Mar nou 't ik fen dy hear, detstou se al helle haste, nou tocht ik: kom, den stap ik mar mei myn hushaldsterke werom. Ik toin ek wirch. Jap: Den gau yn 'e hüs; in piip tabak, in pantsje kofje (Al pratendewei troch de utdoar óf.) Evert: (folget hjar:) Ja, fanke, mar, ik moat hjir neist ek noch (óf, towyl Wilt op it bakje klom en nou oer it sket hinne sjucht. Hy floitet de earste rigel fen „de lelies" by wize fen signael.) 11e Opkommen. Wilt, Lagniet, — dêrnei Jap. Lagniet: (troch de steech fen Eabe op. Sjucht Wilt. Bliuwt stean. Den, njunken him, draeit er de holle nei Wilt skean omhegens en sjuchi Wilt lyk yn 'e eagen. Müle stüf ticht. Wilt sjucht him forheard oan. Den, nei in tel ef seis sa stien to habben, bigjint Wilt to glimkjen.) A Wilt: (sabeare frjeonlik, finger by wize fen groet, tsjin 'e holle oan:) Ek goeijendag. Lagniet: (straeUkdld:) Gegroet (Den draeit er Wilt de réch ta, steil en stram. Stapt op 'e Utdoar ta.) - 20 — Jap: (ta de utdoar op. Bliuwt stean. Forbüke. Müle heal iepen.) Lagniet: (stekt hjar de hdn ta, towyl er ek stean bliuwt en hjar lyk oan sjucht:) Lagniet. £ Wilt: (laket). Nou moat it ek net raerder, wol? Jap: (sjocht him:) O, lokkich! Wilt! Siz, hwer binne üs heit en hjar? 4 Wilt: Op jacht nei Evert-om. Jap: Né, to gjin mallichheit. Lagniet: Dat is gjin mallichheit. (Jap sjucht him forheard oan. Den:) Ja, ik wit méér as j y. Jap: (forheard:) Mar man ! Wirdt jo neat frege, wol? Lagniet: En jo allike min. Jap: Hwet moatte jy hjir? Lagniet: Ik moat neat, mar ik wol! {) Wilt: Lokkich det jy it blykber mar for 't sizzen ha. Lagniet. Dat haTi. — Ald Evert is hjir yn gien, waerd my sein. En nou wol Tc witte hwer 't er sit — 21 - Jap: Dêr ha jy neat mei to meitsjen. Lagniet. Dat scoene jy net sizze, as jy wisten hwet ik wit. (Wiist op de utdoar:) Dêr is er te yngien, — dêr komt er ek wer ta üt. (Scil der op ta.) Jap: Toe, Wilt! Kom hjir! — (Wilt laket en skoddet voiles réstich fen né. Jap unies tsjin Lagniet:) As jy ien foet oer 'e drompel sette, den is jou üngelok net oer to sjen! Lagniet. Dat sij soo. (Draeit hjar de réch ta, stapt nei de utdoar ta.) Jap: Wilt, toe! (Stekt de hannen nei him üt.) 12e Opkommen. De oaren. — Evert. Evert: (yn 'e utdoar:) Hwet is dit for in spil? — Dat ropt en (Hommels stil as er Lagniet stean sjucht. Müle heat -iepen. As forslein, hannen heat omhegens.) Lagniet: (bliuwt ek dolik stean — skean fen 'e foargroun. — Docht de e armen wiid üt, towyl er syn sekje mei klean op 'e groun del falie Ut. Mei forguldene troon je. Sa bliuwe hja ien amerij stean. Den:) Nou?! — Bin ik it?! ef bin *k it nèt?! Evert: (op him ta:) Sebastiaen! — Ald kameraet ! Lagniet (neidet Evert en hy mekoar mei beide hannen beetpakten en füsken — mar ien eagenblik! — wiist Lagniet op Jap. Sjucht hjar oa%:) - 22 — Jap: Nea fen him heard. Allinne — Evert-om 'hat yn 'e léste tiden wol ris in inkeld wird los litten oer alde kameraetskip ensafoart hinne; mar nea hat er hwet sein oer — oer dizze nuvere êld stut. Q Wilt: En ek net oer syn plan om op to halden mei gernierkjen? Jap: Gjin wird. — Tsjin dy den wöl? M) Wilt: Gjin wird. Ik hear der raer fen op. Ald Evert-om ophakte fen gernierkjen Jap: Ja. Hwent hwet scil er nou? — Fen 't spiltsje öf, fen seis. Mar den? — Ef tinkstou det er wol stil libje kin.... ? H Wilt: Dat moat sa wêze, scoe 'k wol sizze. Oars die er dit dochs net! — Ef it moast wêze, det 'e Jap: Hwet? ft Wilt: (laket:) Né, neat. — Mar hark. Der gean güds ta jimm' foar» doar üt. (Jap dalik óf.) 13e Opkommen. De oaren. — Yf, dérnei Bearn. Yf: (ta de utdoar op:) Siz, hwer is Evert-om? Wy habbe al ris sjoen, mar wy koene him nearne n't fine. (Sjucht nei him:) Al wer dêr oer dat sket? — Hat Jap soms wer hwet nijs? — — 25 - Wilt: (op 'e groun:) Ja, mem en ik seis ek. Yf: En hwet den? jr\ Wilt: Det Evertom ophaldt fen gernierkjen. Yf: (hannen omhegens:) Dat lychst' dochs, fêst? (4* Wilt: (giet glimkjende ta de utdoar óf:) Wy habbe it üt syn eigen müle nyskes heard. Yf: (tsjin Bearn, dy't nou ek opkommen is. Jowt him in homp tsjin de earm oan. Net to Md, holle nei him ta:) Siz! Evert-om haldt op! Bearn: (forheard). Haldt op....? Yf: (net to lüd. Holle nei him ta. Mei neidruk:) Mei syn gernierkerije, ja. 14e Opkommen. De oaren. — Eef en Eabe. Eef: (mei Eabe ta de utdoar j op; sjucht om hjar hinne:) Nou, dit is frjemd. Jap seit: ald Evert-om wier krekt sa yn 'e hüs mei in frjemde keardel — en nou binne se beide sa mar foart. Eabe: (stiet efkes as yn tinken; sjucht den Eef oan:) Mar it allerfrjemdste is, det neffens Jap hjar sizzen ald Evertom ophaldt fen gernierkjen! - 26 — Eef: Ja, hwent hwet moat er den? Eabe: Ald Evert-om? Wol ju! Stil libje. Ja, hwet oars?! / Eef: (ien amerij de eagen heat tièht, lippen stiif op elkoar, finger foar de male, as rekkenl se üt. Den, as yn hjar seis:) Ald Evert-om stil libje ? — Rintenierje ? — (Den hommels bislist. Finger omlegens:) Mar den hjir! (likket hjar seis op it boarst; triomfantelik; net 'tö réd:) Dy is for üs. Eabe: (finger yn 'e hichte, ynwindich bliid:) O, soo! Yf: hat, steande neist Bearn, towyl se bihoedsum njunken it sket kamen mei de hollen skean dy kant üt, alles heard en, nou opslach, ek net to lüd en to réd, mar ek fol oertsjüging mei de hdn op it boarst, gesieht nei de foargroun ta:) Ja —, èf for üs! Bearn: (krekt'lyk as Eabe die:) O, soo! DOEK. EIN FEN IT EARSTE BIDRIUW. - 27 — TWADE BIDRIUW. Ie Opkommen. Eabe, .Bearn, — dêrnei Wilt. (As it kleed opgiet, sit Eabe mei de fyoele op 'e bank en spilet fen de Lelies, wylt Bearn op in bakje ef sa sit mei de harmonika; hy spilet fen it Hutje. As hja efkes spïle ha, komt Jap troch de utdoar op. Leit hjar heit de hdn op 'e earm.) Eabe: (spilet troch:) Foart, Jap. Jap: (haldt syn hdn mei de strykstok beet:) Wéz wizer, 'heit Eabe: (haldt op: sjucht hjar oan:) Wizer? Ho wizer? (Bearn haldt nou ek op fen spyljen. Holle efkes skean nei de oaren ta büchd. Harket skerp. Den set er de harmonika del; knikt foldien en giet yn 'e hüs, neidet er noch ien skean eachje nei de kant fen de oaren smiet.) Jap: (dit petear giet ündertwisken troch:) Dat hoeft heit net to freegjen. — Dêr hab ik it jister ek al oer hawn. To, lit dat nou. (Hdn op 'e fyoele.) Eabe: Mei ik net mear spylje? Jap: Ja, natürlik wol. Mar doch it net krekt tagelyk mei omke Bearn. Eabe: Dos, ik moat my stil halde for in oar? — 29 — Jap: As dat de frede biwarje kin, ja. Eabe: Frede? Frede? — Hwet praetstou fen frede! Is hjir den bygefal gjin frede? Jap: Né, heit. Sont in deimennich is it hjir oars wirden as oars. De ienriedigens van dy- en dizze kant fen üs ald sket, is net mear hwet er wier. Eabe: Hwerom net? Jap: Wist ik dat mar! Eabe: Forbylding, fanke. Jap: Né, heit, Gjin forbylding. Der „knypt" hwet. Eabe; Ho komsf der by? Ik ik (hellet de skouders op.) Jap: Och, lit üs nou mar allinne nei dy doar sjen, nei dat slot. Eabe: Nou, hwet scoe dat? Jap: Is dat slot der op komd yn oerliz mei omke en hjar? Eabe: Mar harkeris — stille wy op üs eigen gerjuehtichheit seis witte hwet wy dwaen wolle ef net? — 30 — Jap: Sok praet hab ik foartiid nea fornommen, heit Eabe: Och, — dou seurste. Jap: En jimme spyljen den? En sjongen? Foarhinne kamen jimme hjir by mekoar ef dêr en den wier de iene stij as de oare spile. En nou ? Elts bliuwt oan syn eigen kant en spilet tsjin de oare yn En mei it sjongen fen 'e frouljue is it krekt allyk. Toe heit siz it my. Is der hwet bard? — (seaeh krekt ta de steech yn. Forheard:) Hea....! Eabe: (oerein:) Hwet nou? — Hwet seachste dêr for nij's? Jap: Ik miende det ald omke Evert dêr foarby gyng en by üzes ta de foardoar yn scoe Eabe: (forgulde:) Ald-omke Evert ?! (dalik óf.) Hjir by üs ? 2e Opkommen. Jap, Wilt. ]/» Wilt: (troch de Utdoar opkommen as Eabe oerein giet. Hy giet op it sket ta en sjucht dêr oer hinne, neidet er op in bakje stean gyng. Heart it léste en bliuwt glimkjende nei Jap] stean to sjen. As Jap him sjucht:) Hwet hie dyn heit in reuze-haest, siz. Jap: Ja. Ik bigryp it net. Ik sei allinne mar det ik ald omke Evert hjir foarby gean seach, — dat forbylde ik my tominsten En nou stout heit sa mar foart — 31 — IJ- Wilt: Komt fen 'e sykte, Jap. Jap: De sykte....? m Wilt: Ja. Dêr lije se hjir alle fjouwer yn 'e léste dagen oan. Dyn heit en hjar en mines ek. Jap: De sykte? — Hokker sykte den? lOf Wilt: De omke-Evert-sykte. Jap: Hènnn?! De hwèt seistou?! li Wilt: Dou fettest' my wol, nou? Jap: Né, wier net. Ik snap der neat fen. Trouwens — der is yn 'e léste dagen sa'n bulte dat my in riedsel is. — Ja, earlik sein, Wilt, as heit en hjar üs hjir sa stean seagen, den scoene se grif in bytsje nitelich wirde. Nou, dêr wier dochs foarhinne gjin sprake fen. Krekt oars-om. Dat witste seis. fci Wilt: Oan dizz' kant krekt allyk, fanke. 't Komt allegearre fen dy selde sykte, de omke-Evert«ykte. Dêr lije in bulte minsken oan, Jap. Mar se witte it seis net. Mar it is in „epidemie". Jap: Hab der de gek net mei, Wilt. It is to earnstich. Ik fyn it tominsten akelik. En en hwerom nou dochs? We hiene it sa gesellich en fredich mei-elkoar. Ho kin dit allegearre nou dochs sa hommels foxoarje? — 32 — flfl Wilt: Hastou wol ris heard fen Evert-om syn sparpöt? — Ja, ik mien by jimmes thüs. Ik wol by üzes. It ding krige den wol in oare namme, mar it is yn wierheit neat oars as in sparpöt. Ja, fen Evert-om. 3e Opkommen. De oaren. — Eef. Eef: (is ünder de léste wirden **** fen Wilt opkommen. Hannen yn 'e side, sjucht nei Wilt, koart:) Soa! Soa! — Ja, ik ha dy wol heard, mei dyn öfwaeide praetsjes. Jap: Mar, mem ! Eef: Stil dou (tsjin Wilt dy't hjar glimkjende oansjucht:) Mar dou bist' mis, hjer! — Dou mei dyn sparpöt. Omdet it dêr by jimmes sa is, dêrom is 't hjir noch sa net! — Forstietst my wol, nou? (Tsjin Jap towyl se wiist:) En nou dou mei my yn 'e hüs en dou ? (tsjin Wilt:) de kop mar oan dy kant fen 't sket halde en se dêr mar op dyn smüsjes traktearje, hjer! (Triuwt Jap op 'e Utdoar ta. Jap óf-) 4e Opkommen. De oaren. — Lagniet. (Lagniet troch de steech op. Bliuwt stean. Seit neat, mar sjucht nei de oaren. As Eef hjar nou omkeart, stean bliuwt en him forheard oansjucht, docht er de finger omhegens.) Eef: Hwet moatte j y?! Lagniet: Hjir yn 'e hüs. £A Eef: ' Neat mei to meitsjen, hjer. — Ja, ik wit wol hwa't jy binne. Kameraet, hen? Kameraet fen ald Evert-om, hen? Nou, jy binne mooglik in moaije kameraet, mar üs hwet al to moai. Sju, nou hab ik it sein. Lagniet: Den scil ik nou hwet sizze. Eef: ^^Jy halde jo stil, hjer! Lagniet: Binn' jimme den noch dommer as det ik tocht? — Ik wol in rie jaen. Eef: ? y Ja, dat seine jy jister ek al. Do ha jy hjir ek west to 'jrlleanen. Lagniet: Mar do woene jimm' net hearre. Eef: j Q Hjoed allike min. Lagniet: Dat stille wy ris sjen. (Scil foart.) Eef: ^ a. Hwet wolle jy den? Lagniet: Oanhalde. Eef: /. JX Moat net raerder! Lagniet: Mar it w i r d t wol raerder as jimm' net gau nei m y hearre en myn rie opfolgje wolle. 3 - 33 — Eef: /j'I Ei, alde mantsje-draek! fis Wilt: (hat glimkjend alles folge:) En dochs scoe ik, yn jimm' plak, ris nei him hearre wolle, moeikel Eef: (forheard opsjende:) A O, dou ek noch? Bimoei dou dy mei de oare kant fen 't sket, hjer! Jow se dêr dyn rie! U\ Wilt: Dat hab ik dien. Mar dêr woene se ek net nei him hearre. (Wiist op Lagniet. Dizze stekt de finger op nei Wilt en knikt.) Eef: ' u Dat is jimme saek. Dêr ha *k neat mei to meitsjen. 'i Allike min as mei dyn praet en mei dy seis. En dêrom dou dêr wei. Lagniet: (tsjin Wilt:) Krekt. Dou dêr wei en nei de dyk. Hwent ik wol mei dy prate. Dou en ik Eef: (wiist:) Ü Dy hearre by mekoar. In moai spantsje. Krekt „heel ' en half Watt"! is 't net wier? Lagniet: (sjucht efkes hjar lyk oan. Den:) Gegroet. — (Draeit him om. Giet óf. Eef ek óf.) 5e Opkommen. De oaren. — Yf, dérnei Bearn. Yf: (is opkommen as Eef mei it léste dwaende is. Yf harkei mei de skeane holle. Giet wïles foarsichtich op it sket ta. Den tsjin Wilt dy't op 'e groun kaem:) Hwet wier dêr, Wilt? Hie moeike Eef wer hwet to sizzen? — 34 - — 35 — A*' Wilt: Och né, — né, neat. Yf: (riert yn it stiselpotsje, dat se by hjar hat.) O, doarst it net to sizzen? Né, dou moast hjar wal dêr mar ophalde en üs mar weismite, hjer. Dyn eigen alden Bearn: (in skjin Ijocht bisgroen krekt oan. Hinget noch boppe de broek. Tyspelt mei it halsboard:) Hwet nou wer? — Hiene se dér wer hwet? — Wer praetsjes oan 'e oare kant? IL Wilt: (smout:) Ooh, né, heit Moeike Eef dy woe allinne graech witte hwerom eft heit jouns al wer it braniehimd oan die. Omke Eabe stie ek al yn 't harnas, sei se. (Glimkjende óf.) Eef: (fiis:) X, Soa, sei se dat ?! Bearn: (mei utritsene hals:) Wêz wizer, Yf. Yf: O, it is sa ongelokkich! — Mar ik gean troch. En ik plak al dy skreven ticht S y de ald doar op 't hangslot? Wy de skreven ticht! Ik scil se wol! Dêr altyd foar to gnuven as ald Evert-om hjir is. — (Is by it sket dwaende in stik dld bihangpompier ef sahwet oer in skreef to plakken.) Bearn: (mei de hannen by de hals; pynlik:) Hè, sa'n gedonder mei dat skjinne güd! Yf: (sjucht efkes. Den trochgeande mei hjar wirk:) — 59 — Jap: Ho kinstou dêr om laeitsje, Wilt! Wilt: Ho kinstóu dêr om skrieme? Jap: Is it net om der om to skriemen, as men bitinkt hwet hjir tsjinwirdich bart. As lytse bern, — ja folie slimmer noch, sa stelle se hjarren oan. Wier it jisterjoun ek net wer in skandael? — Hjir njunken it sket ald lear opstoke sadet de reek by jimmes ta de doar ynfleach en jimme amper omkamen fen 'e stank. Vjlf|l|| H Wilt: (glimkjende wei:) Och ja, mar dêr for kin men den op 't lést ek gasmaskers nimme, Jap. Né, lük nou net oan 't lipke! It is nou ienkear Kristenplicht om op 'e meast minskelike en makkelike wize de fijSn ünskeadlik to meitsjen. Sa wirdt üs leard! De hege omes neame dat „buiten gevecht stelle" en hwet dyn alders diene, dat heart nou ienkear, neffens hjar leare, ta „het humane krijgsbedrijf". Jap: En allegearre om dat smoarge jild ! )/i Wilt: Ja, fanke, dêr draeit, hiel tafallich, mülk alle fjuchterij en rüzje om. — Ja, ljea, asf dat nou akelik fynste ef net, — men moat der mar oan wenne! Jap: (giet fen 'e bank óf, der 't hja op sitten gien wier:) Oan wenne? — Noait! — Ik net; en dou allike min. — (Men heart hwet gerüzemüs fen stimmen by Yf en hjar yn 'e hüs. Jap harket efkes:) Stil! — Is dat by jimmes yn 'e hüs? — - 60 — f* Wilt: Ja (Harket ek, glimket; den:) Ik scoe wol sizze det myn frjeon Sebastiaan der by is; ja, dou witst' wol, ald Evert-om syn kameraet, dy tsjinwirdich by him ütfenhüzet. Jap: Is dat dyn frjeon, seistou? jtëf Wilt: Ei ja, ju! Hwerom net? •' Jap: In nuver stikje frjeon, scoe 'k sizze. Hwet wol dy keardel eigenlik mei syn gefljuch. Den sit er hjir en den dêr wer En altyd spil Up Wilt: As men mar efkes nei him hearre woe en him ütprate liet, den wier dat spil gau oer. — Ja, oer 'e hiele linie, scil 'k mar sizze. Jap: Ho sa? Li Wilt: Om't hy mear wit as alle oaren mei mekoar: Fen Evertom ja. — Né, nou siz ik foarearst neat mear, Jap. Jap: Hwerom net? ^ Wilt: Om't men in kemeedzje net forfelle moat; dy moat men sjen, bilibje. Jap: Da's sneu. ff£ Wilt: Dêr mienstou neat fen! — (As Jap Mik foart rint:) Nou wy togearre èk al yn 'e striid?!(7a» keart hjar by de utdoar efkes om. Sjucht Wilt lilk oan mei skeane eachjes. As dizze hjar den smeekjend-glimkjende 'oansjucht, glimket hja ek heal en heal.) — 61 - Jap: (sabeare koart:) Ja, hjer! Forgoed! 't fs üt! — ML Wilt: Wy prate wol ris wer! En den scilst' «jen det it mei üs oan is; folie sterker as 't ea west hat. (Pleagjend:) Ja, ho kin dat nou, hen? — (As Jap kim sabearre minachtsjend de rêch ta keart, docht WUt Lagniet nei:) Gegroet! (Jap laeitsjende yn 'e hüs óf.) 8e Opkommen. Wilt, Lagniet, Yf. Lagniet: (towyl 't er by Bearn en hjar ta de doar üt komt:) Dit is de léste kear. Se sjugge my hjir nèt wer. — Oan dizz' kant net; oan dy kant net. — Gegroet! Yf: (Yf tagelyk mei Lagniet op, towyl se dizze stadich mei in pear slaggen omdraeit, trochdet se Mm oan 'e earm foart triuwt:) Gegroet! Jy mei jou rie. Dy ha wy altyd yn 'e gaten hawn. Mar Evert-om dy is for üs en bliuwt for üs. Gean nou mar nei de oare kant fen 't sket, den kinne jy mei hjarren op 'e bonkjes sobje, hjer! (Yf dolik wer óf.) Lagniet: (is stókstiif, lyk foar Wilt stean bleaun:) Nou dou. •jtf? Wilt: (laket.) Ik? Ik ha gjin forstan fen sobjen en fen bonkjes. Lagniet: Den bistou fierder as dy oaren mei-elkoar. — Gegroet. (Steil, houten, keart er Wilt de réch ta; scil troch de steech óf. As er ien stap dien hat, bliuwt er stean.) 9e Opkommen. De oaren. — Evert. Lagniet: (as er Evert troch de steech oankommen sjucht, wiist er op him:) Dêr is de sparpöt. — Nou scil it heve! Eef: (komt wer ta de doar üt. Hat in waskküm heal fol wetter, yn 'e beide hannen. Gysten op it sket ta. Krekt as Evert syn holle boppe it sket stekt, slacht hja it wetter omhegens, sadet der him in bytsje fen yn it antlit spat:) Dêr! — Dêr hast' foarearst hwet! — En ik ha mear..!! (Bliuwt, as troch it waer slein, mei de müle iepen stean,as hja omhegens sjucht hwer 't Evert stiet to prüsten. Lit fen de alteraesje de waskküm falie. Ien amerij stilte. Ek Eabe, dy H nou op kaem, stiet as biteutere, mei de müle yn 't kier, Evert oan to gapjen.) Evert: (ontdien. Faget it wetter fen holle, hier en bird, towyl er knypeagjende nei Eef sjucht:) B-B-Bistou net wiis ?! ü/f Eef: (forslein:) Och, heden! Even-om! O, o! hwet spyt my dit! O, o! (Holle foardel en hannen yn en oar.) Eabe: (by de utdoar:) Sa'n greate süch as dou, hab ik noch nea sjoen! (Draeit hjar de réch ta:) Alles — alles wei! — (Hannen yn 'e loft.) Evert: Wei? Wei? Hwet, hwet is wei?! Lagniet: Dyn sparpöt, Evert 1 le Opkommen. De oaren. — Bearn, Yf, dêrnei Jap. Yf: (mei Bearn opkommen, towyl Lagniet it léste sei:) Dy spartpöt, ja, dêr't it oaren, en dy houtene pilaer mülk ek, om to dwaen is! (Tjsin Evert:) Mar lit jo net bilêze, Evert-om! - 63 — — 64 — Evert: Bin 'k hjir nou yn in gekkehüs ef maelt it by gefal my seis. Myn sparpöt, sparpöt ? (Tsjin Lagniet:) To, kom dou hjir ris neist my, en siz dou den ris ho 't it sit! Lig Wilt (by de doar fen 't sket:) Dy doar kin op. Lagniet: Dy doar scü op1 — (Wiist Bearn oan om de doar mei iepen to dwaen:) En gau! — (Slacht op it sket:) Ha jimme it heard! — De doar opl Gau! — (Tsjin Wilt:) En dou, jongkearel, help ald Evert op 'e groun to kommen. En jimme allegearre hjir foar 't front! Ja, hjir by üs en earen iepen! Alle f jouw er! (Wiles hat men de doar iepen dien en is men nei de foargroun ta komd, der 't men nou, mei it gesicht nei Evert ta, stean giet, mar sa, det de iene net foar de oare stiet en men üt 'e seal wei elk-ien sjen kin. Den nimt Lagniet Evert by de mouwe beet en bringt him by de doar, set him tsjin it kezyn oan, gesicht nei de foargroun ta:) En nou, praet op! Fen d ij scille se nou hearre, hwet se ien m ij net hearre w o e n e. Evert: Net hearre woene? Oj ' Eef: Hwet is dat den?' Lagniet: De wierheid, oer ald Evert en syn sparpöt Evert: Mar minsken, — ik.... ik ha gjin sparpöt Tochten jimm' dat? — (De oaren stean forlegen, slaen de eagen foardel as Evert hjarren forheard oansjucht. Den. sjucht Evert Lagniet freegjend oan:) Mei ik alles sizze, Bast? Lagniet: Nou al. Yf: Ja, tinkt dy sèls ek net? /srt Eef: (knikt efkes in kearmen? nieh hastich:) Ja. — Dy ek? Yf: (slacht de eagen bidest op:) Scil ik it mar sizze? 1/^3 Eet: (ek sa:) Dou bisf de aldste, Yf. Yf: Den ek mar de wiiste? Ef beide allike wiis ? firfj Eef: Né, — alle fjouwer. 13e Opkommen. De oaren. — Bearn, Eabe. (De manljue binne ünder it foargeande op kommen en stadich oan nysgjirrich nei de foargroun, nei de frouljue ta gien.) Eef: (tsjin Bearn, dy 't hwet skruten bysiden Yf stean bleau:) Ja, Bearn. 't Is üt. It is foarby. Yf: Krekt. Hearst* it, Eabe! Wy prate nearne mear oer. 't Leed is geleden. 14e Opkommen. De oaren. — Lagniet. Lagniet: (is troch de steech opkommen, towyl Yf it léste sei. Hy sjucht nei Yf en Bearn, den nei it sket ta. Klimt op it bakje. Sjucht oer 't sket. Den, to wyl de oaren efkes forheard nei him seagen:) Bi mi' Jap en Wilt hjir net? Akkoart. Den scil ik hjarren earne oars myn oarders jaen oer Èvert syn gernierkerij. Net oer syn sparpöt, né! — (De oaren, dy 't ünder — 70 - — 71 - syn praet alle fjouwer oan 'e kant fen Eabe en hjar stean gien binne, hwet foarlik, skean, nysgjirrieh, — laeitsje nou.) Krekt, laeitsje nou! — Jimm' kinne nou laeitsje, alle fjouwer! — Hwent lyk as üs hiele Godlik-moaije wrald dat yn jimme plak tinke scoe, sa tinke jimm' nou ek. En dat is dit: „as men s è 1 s foarby giet, — dat is net sa slim; as oaren den ek mar neat krije!" — (Nou de oaren biteutere, muien yn 't kier. Lagniet nou hjarren bretael, as dlderwenst de holle in bytsje efteroer, trije teilen lyk oan sjen. Den:) GegroetI (Keart him om. Opslach it doek omlegens.) EIN FEN IT LêSTE (trêdde) BIDRIUW. AS MENCSELS FOARBY GIET... SATIRYK TELTSJE YN TRIJE UTKOMSTÉN FEN Y.C. SCHUITMAKER 5 MANLJUE EN 3 FROULJUE R. VAN DER VÉLDE — UOUWERT AS MEN SELS FOARBY GIET... ^ Satiryk teltsje yn trije ütkomsten fen Y. C. SCHUITMAKER 5 MANLJUE en 3 FROULJUE R. VAN DER VELDE - LJOUWERT — 10 — Eabe: Wy troude manljue, krekt allike goed ju. Wy wolle it lor de frouljue net wêze, mar as wy hjarren ien dei ut 'e hüshalding misse, den binne we al deaskien forlegen en den kin üs it libben eigentlik al net folie mear skele. Bearn: Dou hast gelyk Eabe. Mar lit de frouljue nea merke det it sa is hjer! Wy, as manljue, ha nou al net in bulte by hjarren yn to bringen Eabe: Né, den wier it alhielendal neat mear! — Mar om op ald Evert-om werom to kommen: lyk as it nou giet is de alde foar de earste pear wiken holpen; wy kinn' 't bést skikke mei-in-oar sa. En wy habbe it allegearre graech for de alde oer. Bearn: O, heden, ja. Eabe: (oerein, glimket:) Ja, hwet ha wy mei-in-oar eigenlik al in moai eintsje libben, net? Dêr hiene wy it nys krekt sa noch oer. Sa mei-in-oar ien en goed üs brea en sa. Ja, is 1 n*t wier, hwet wolle jy mear? Bearn: Méér wolle ? Dat scoe skande wêze. Eabe: (as Eef him ropt:) Ja! Eef! Ik kom. (unies op 'e groun:) Kom aenstonds mar hwet by uzes op 'e bank en nim dyn harmonika den mei, Bearn! Kinn' we wer hwet spylje en sjonge meimekoar! (giet wiles óf.) Bearn: Komt foar mekoar! (op de utdoar la. Den bliuwt er hommels stean en sjueht nei de steech.) — 13 — Lagniet: Ja is ja. Ek yn de bus. (scil foart). Bearn: Né, hou, jy moatte nou ek alles witte. Sjueh, in dochter fen Eabe en Evertsje, hjir neist, ja, fen syn omkesizzer, dy nimt nou salang de ald man syn hüshalding waer. En üs soan Wilt, — sju, myn wiif is ek in omkesizzer fen ald Evert, — nou üs soan helpt him sa nou en den hwet mei syn gernierkerij. Lagniet: Mei oare wirden, der wirdt tige op sa'n ald erf-omke past. B e a rn: Ik hab noch nea sa'n nuvere kearel sjoen as jy ien binne! (loket.) Lagniet: (sjucht in amerij Bearn lyk oan, de holle in bytsje efter oer, krekt ejt er Bearn üt 'e hichte wei op nimt. Den: Gegroet (opslach troch de steech óf.) Bearn: (loket, sjucht him nei). Sa ha 'k it nou noch nea bilibbe! — (towyl er óf giet; hdn omhegens:) Yf! — Moast ris hearre, siz! — Dit is..! (óf.) 5e Opkommen. Eef, Eabe. (Hja sjouwe togearre in taffeltsje ta de door ül njonken de bank.) j bfj Eef: (seit wiles:) Hwet hat Bearn wer in wille, net? Eabe: Ei jonge, ja! — Nou, 'better sa as oars. Eef: Hwet scoe der wést ha, seiste? — 14 — Eabe: Dêr stille we aenstons wol fen hearre; as hja hjir by üs komme. ifl Eef. (leit in kleedtsje oer it taffeltsje:) Komt Evert-om ek mei? Dy scoe jouns efkes by hjarren komme, leau 'k. Eabe: As dat sa is, den komt er mei hjir hinne. Ald Evert-om dy heart der by. p Eef: Nou. Net oars.... Siz, — (min e] mear to mük:) Wêz nou forstannich en soargje det dy ald fyoele dy-st' fen Evert-om kedo krige haste, hjir den ek presint is, hjer. Dou wiste ho 't ald Evert-om isl Sjuch mar ris nei hjir neist (wiist mei de tomme:) Dy ald harmonika, dy 't Bearn ek fen 'e ald man krige, dy wirdt der amper as in bern bihannele. Eabe: (giet op in hoeke fen 'e tafel sitten:) Jaa! — Men hoeft Yf en Bearn net to sizzen ho't men dwaen moat tsjin de Ald man. /«Eef: Dêrom. Wy de eagen ek in bytsje iepen. Ik bin to minsten bliid det üs Jap dêr nou by Evert-om hüshaldster is. Eabe: Dêr bin ik dübel bliid om, Eef. Hwent as ald Janke yn 't libben bleaun wier, — nou — om mar krekt to sizzen sa 't ik tink, mar jy hearre faker fen kluchten mei ald feinten en hüshaldsters, sjuch. K Eef: 0, ik seach dat alde wiif der krekt for oan, moast' tinke, om sa linkende wei ald Evert-om yn to pikken. En as — 15 — se ienkear troud wieme — hwette? — den hiene wy nei syn pear sinten floitsje kinnen. Hwent ik tocht det de alde in ljeaf sturke yn it potsje hai Ja, earlik sein en ünder üs „gebleven en gezwegen", mar it is eigenlik gelokkich det it allegearre roun is sa't it roun. En nou ek wer. Wilt op it lan — Jap in 'e hüs — sa bliuwt it spiltsje moai yn 't lyk en krijt de iene neat by de oare foar. — Ei ja, dat siz ik neame net om. Mar rjocht is rjocht, n't wier? Kom, nou dou de fyoele helje en ik myn breidzjen. (Op 'e door ta. Eabe óf.) 6e Opkammen. Eef, Evert, — dêrnei Yf. Evert: (blauwe kile. Ald jas der oer hinne. Los. Ald forklaeijensbroek oan. Giiis hier en kin-birdtsje. Hwet stiif en in bytsje foar oer. Ta de steech fen Bearn op towyl Eef It léste seL Den ropt er by de utdoar:) Folk yn! Eef: (by hjarren utdoar. Heart Evert by de oare door. Dolik de holle dy kant uU skerp hark jende. Den hastich de door fen it sket, iepen. Sjucht om 'e hoeke. Den:) Oööchch! — Ho kin it sa! — Ald Evert-om! Yf: (yn hjar door:) Kom! Evert-om, dat is fiks, hjer! Sa mei ik it sjen! Eef: (is ek by hjarren kommen:) Ja. Dit ts aerdich. — Kras, hjer, kras. Dat for sa'n ald man Evert: Ald? — Ikke — ?! (smyt in sekje fol tusearte by de door del.) Eef: Nou, is 't net in merakel, Yf — (kloppet Evert op it skouder:) Sa mei ik it hearre, omke! Fiks, hjer! Fiks! Yf: (leit him de hdn op 't skouder:) Ja, 't is bysünder. — Nou, mar yn 'e hüs. Eef: Mei dit moaije waer wol omke moochlik ljeaver üt 'e hüs bliuwe, tink ik (wiist:) Dêrom ha 'k it taffeltsje mar by de bank del set. Nou kinne jimme mei-in-oar mar by üs komme. *k Hab it niis al sein, n't wier, Yf. Yf: (wiist yn 'e hüs op:) Nou, sein....; mar omke wol nou ljeaver yn 'e hüs, n't wier? Evert: Né. — Earst moat ik noch efkes de bürren op. Myn boadskippen dwaen. Yf: Dat kin Bearn wol efkes for omke dwaen. Eef: Oars Eabe wol. Dy is èk thüs. Yf: (sjucht wiles yn 'e hüs:) O, dêr is Bearn al. (Hopt:) Bearn, de kile oan en den.. Evert: Né, nél — Ik moat seis. — Sju, der lizze hwet tusearte for jimme. Yf: Moai, tankje wol, hjer. — (Sneu gesicht fen Eef, as Yf it sekje fen 'e groun óf krijt.) E ve rt: Ik wit wol, jimme habbe op jimm' eigen tün èk wol en (tsjin Eef:) jimme ek like goed, mar och — as 't fen in oar komt.... — 16 - — 23 — Nou dou! (mei it antlit nei de foargroun, den tsjin Evert, towyl er mei ien hdn de hdn fen Evert beet haldt en him mei de oare hdn op 'e réch kloppet:) Dat biest' net tocht, hen, alde boef! — Dat Bast hjir for dy komme scoe! Dat is al trije jier en fjouwer moanne lyn, ald kameraet. — Mar nou: mei yn 'e hüs! Hwent ik hab nijs for dy! — Great nijsf — Kom mei (pakt him beet.) Evert: (akselt tsjin:) Yn 'e hüs? — Ja, sjuch, as Jap it goed fynt Lagniet. I k fyn it goed. En dêrmei üt Jap: Mar dit rint dochs to fier, net? Evert: Kom, Bast, heite! Kom, nou net sa mal. Nou efkes oars as oars. Dou bist' net thüs. Lagniet. O, né? — En bwerom net? Evert: (laket:) Wolsf ynbrekker wirde, Bast? Lagniet Bin 'k dat den net? En dou net? En dy en dy en de hiele wrald net Brekke we allegearre net yn? — Dêrom, wy yn 'e hüs. En den scil ik dy krekt fortelle hot wy it togearre ha scille noustou fen dyn gernierkerij Öf gieste. (Wilt forheard). Jap: (forheard:) Hènnn?! — Omke fen syn gernierkerij öf ? — 24 — Evert: Och, dat niest' nou net sizze moatten, Bast. Ik hie 't hjarren seis by wize fen f orrassing sizze wollen. Lagniet: Nou ja. Dêr bist' nou frij fen, hwent ik ha't nou al for dy dien. (Triuwt wiles Alde Evert yn 'e hüs op. Op 'e drompel tsjin Jap:) Der bliuwe, hjer. — Ik kin hjir nou gjin frjemden om 'e teannen ha. (óf.) Jap: (stiet in amerij as forslein. Sjoeht den nei WiU, dy 't wer hoppe it sket kaem en him blykber mei 't gefal formakket en Jap oansjoeht:) Mar Wilt! — Dit — dit is doohs to gek om los to rinnen! Sa'n pür frjemde kearel y Wilt: Net for ald Evert-om. Jap: For ü s dochs wol. En den sa by uzes yn 'e hüs op to rinnen en m y seis forbiede om der ek yn to gean ! To, kom, lit üs to gearre W Wilt: Hwet? — Hearre hwet hy to sizzen hat? — Dat giet my neat oan, fanke. En dy allike min. Lit dy alde kameraten stü togearre in amerij hjar hert ophelje yn hjar by-in-oar wêzen. Hwent det se elkoar kènne, dat hat niis krektsa bliken dien. Jap: Kinstou dy kearel den ek? % Wilt: Né. Allike min as dou. Ef hiestou wol ris O! Is 't mynhear to folie? Ei ja, hy moat fen seis yn 'e alde skurve klean omspringe as ald Evert-om hjir krekt ris komt Krekt eft sa'n alde siel it net graech hwet kreas en fleurich om him hinne sjucht — (By Bearn, skoert synhannen los fen it bisgroen:) Nou, lit den los! Bearn: (hals tige ütrekt:) Moast nou net lilk op my wirde, wol? Yf: (mei Bearn syn halsboard dwaende:) Ei né, mar — mar de galle rint yen op 't lést oer. O, man, as ik se ruk hjir oan 'e oare kant den ha*k al genöch ! Sa falsk ! To ju! Bliuw stean! (Skoert:) Bearn: (pynKk:) Au! Yf, ju! Yf: Ei nou, to fimeljen. Bearn: (altyd mei ütritsen hals:) Ik fimelje net Yf: (peutert toer:) Dat dochtste wol! — Kom hjir! Bearn: Moat ik it nou bilije? Yf: (is klear:) Och, sangerje net. Nou, dêr! — Wier dat nou sa slim, sa'n knoopke efkes fêst to meitsjen? — Jimme kinne ek neat. As ik der net wier, hwet wierst' den glêd forlegent (Wer by't sket; triuwt hjir en dêr noch ris tsjin it pompier oan:) Toe! Kom hjir den dochs ris, ju. — Dat bliuwt dêr mar stean, krekt eft it dy net oangiet Bearn: Ho doarst it to sizzen, Yf. — Ik fjuchtsje allike fül as dou. — 36 - — 37 — Yf: Ja, hald mar op fen razen. Ef moatte se dêr alles hearre bygefal? O, man, as ik der oan tink, ho't se üs forrifelje wolle mei ald Evert-om ! Dy Jap ek! Bearn: Ei jonge ja. Dy hat allang witten, fen seis, det Evert-om ophalde wol fen gernierkjen en nou dêr mei-mekoar de ald man „lijme", „lijme", sjuch! Yf: O, man! Jy scoene ! Ja, net om dy pear luzige sinten, sjuch! Mar it rjucht! It rjucht! Bearn: Krekt, it rjucht! Dêr draeit hjir alles om! — Dou bisf de aldste en it komt dy ta en nimmen oars. Dou bisf. ek like goed nei Evert-om neamd as Eef. Yf: (Triuwt mei de busdoek stiif tsjin it pompier oan:) Nou. — En dêrom, as 1 net oars kin, hird om hird. — Sjea sa. Dat sit. Pót-ticht, Mar net for üs. Wy kinn' alles sjen. Kom mar ris mei. Moast om 'e aerdichheit ris sjen. (Leit al wizende üt:) Sjuch, dy skreef rint hjir wei skeef nei de groun ta. Sjuchst' it wol? — (As Bearn troch de forkearde skreef sjen scil:) Né — suffert.. dy net! — Dêr troch sjucht men hjirwei ommers neat as in lyts tipke bleek! — Dizze moast ha. — Ja, hjir. — Nou, op 'e teannen. Sjuchst' it? Ef sjuchst' it nou noch net? — (As Bearn net gau genóeh antwird jowt:) Gean der ris wei! (Jowt in homp.) Bearn: Né, stil, ik sjuch it Yf: Nou, doch de bek den op. Bearn: (sjucht:) Wrychtich. Alles is to sjen. Hjar hiele efterüt dêr by de bank en by de doarren. — Mar as Eabe en hjar nou oan 'e oare kant stean gean to sjen.. ? (Sjucht hjar oan:) Yf: Den sjugge se ommers skean omhegens, ju. De loft yn, nei üs dak! — St! Stil! 6e Opkommen. De oaren. — Evert, Jap, dérnei Eabe en Eef. Yf: (mei hdnbiweging, op 'e teannen; deun tsjin 't sket; net lüd:) Stil, ssst! — (Gnüft troch de skreef nei de oare kant. Bearn ek.) Evert: (de stege troch:) Soa, mienstou det ik al by jimmes yn 'e keamer wier? Den wierstou mis, Jap. Jap: Ja. Nou, da's neat. Jy binne der nou al en dat is it fornaemste, Evert-om. Eef en Eabe: (troch de utdoar op:) nKom! — Moai. (Eef:) Ja, wolkom, Evert-om! — Eabe: Nou, gau in pantsje kofje, den in piip tabak en den Evert: Ja, ja, dat komt woL Ti Kin 'ï hjir krije sa Ti it ha wol, net? Jap: (glimket:) Nou, nou? Eef: Dêr scil net folie oan skele, omke. Och, och, hwet aerdich om wer efkes oer to waeijen. Kom mar gau, hjir! Kom mar gau! — (Jap en Eabe binne al troch de utdoar óf gien. Under dit léste sizzen triuwt Eef Evert swiet ek ta de doar yn. Of). - 38 — — 39 — Eef: (by 't sket fen dinne; mei skeane eagen:) Hwet is 't in slang, net? Bearn: (mei fiis gesicht:) Misselik. U E<éi: (finger om hegens:) Dy Jap ek! — Tinkejfs om myn sizzen, Bearn! As se dêr mei-elkoar ald Evert-om ienkear yn 'e ruften lein ha en de duiten binne yn 't laedtsje, den kenne se üs net mear. — En den lit Jap üs Wilt de hakken sjen. Bearn: Krekt, Yf. — Sè komt it (Loerket troch de skreef:) Hmmm! — Dêr sitte se nou mei mekoar mei hjar' falske blaeijers dy ald siel to bikliemen en to dwaen. — (Keart him om:) Ik moat hjir wei. — 't Is om to spuijen ! V Eéf: (ek by 't sket fen dinne:) Ja, it bigjint my ek fo draeijen. O, ik scoe wol fen grimmitigens troch dat alde, rottige sket hinne springe kinne en remaei dy hiele boel dêr üt-in-oar! Sa'n falsk gekliem, om dy pear lüz'ge sinten.. ! (Tsjin Bearn, dy 't blykber yn djip tinken stean bleaun is:) Hwet nou wer? Bearn: (finger by de noas:) Stil Yf! Ik leau det ik der hwet op foun hab om de ald man dêr wei to krijen. Yf: (forgülde:) Ja? — Ho den, tochtste? Bearn: (krijt de harmonika:) St! Sjuch, dy ald harmonika dêr hat Evert-om altyd wakker greatsk mei wést Mear siz ik net. Hjir net! (Wiist nei de oaren:) It is hjir net fortroud. Mar kom mei yn 'e hüs. Den scil ik dy myn hiele plan ütlizze. — Kom, Yf! — Kom mei! — Dy ald harmonika fen Evert-om scil wonderen dwaen! (It ynslremint omhegens, fleurich, laeitsjend ta de utdoar óf, folge fen Yf, dy 't bliid yn 'e hannen wriuwt en skean spytgnyskjend nei it sket ta sjucht.) — 40 — 7e Opkommen. Evert, Eef, Eabe. Eef: Ja, omke, ik bin bliid det jy der oer bigounen om hjir üt 'e hüs to sitten. Ooh, wy hiene it üt üs seis oars wol bitocht, mar it lükt hjir wol ris hwet sa op 'e nei-dei, sjuch en it scoe my ivich sear dwaen, as omke hjir hwet skipe. Da's fen selsl Eabe: (mei in stoel eft er de oaren oan:) Ik hab in stoel for omke mei nommen. Kinn' jy hearlik rêstich sitte. (heit tabak en sa by Evert del.) Evert: (stoppet de piip al pratende wei:) Moai, moai, fiks Eabe, hjer. Eef: ■ Ei ja. Mar rekkenje det omke thüs is. Och, sont jou ald hüshaldster wei is, scüle Jy de hüslikheit sa mist ha. 't Is to tinken. Hwent ald Janke wier tige hüslik, hen? Wy ha 't wol gau ris sein, n't wier ju, — (sjucht Eabe oan dy 't knikt:) och, och, hwet scil dat in ramp for omke wêze as sè'n ien ris wei roppen wirdt Evert: Ja. Janke, dêr ha 'k hiel hwet oan forlern. It wier in bést frommis, ja. Himmel en skjin en sunich. Eef: J O, mar se hie ek in bést plak. Sa'n fleurige baes krekt Jlyk as omke , nou — hwet dat oanbilanget, och heden, ja, dat doare wy der sa mar op to weagjen. Is 't n't wier ju? Eabe: O, heden! sa mar! — Ja, hjer! As omke bygefal üs hüs as sines biskógje wol Ja fen herten wolkom hjir. Omke is hjir baes. 8e Opkommen. De oaren. — Yf. Yf: (is ünder it foargeande petear opkommen. Giet teantsjende nei it sket ta. Loerket troch de skreef. Krekt as Eef it léste sein hat, bringt se de hdn dy 't se healwei omhegens hie, hommels yn biweging, krekt eft hja de maet fen in sang oanjowl en haldt dérmei oan, towyl de harmonika nou f o ar t d al ik ynf allen, efter de skermen „it hutje" hearre lit. Dit spyljen moat sa barre, det men de oaren noch dudelik forstean kin! En neidet it ferske üt is, heart men allinne nou en den noch in pear klanken en, hiel süntsjes denl) Eef: (sa gau as hja de harmonika heart, sjucht se Eabe fol biteikenis oan. Knypeach en in wink mei de holle dy kant üt. Grimmitige trek om 'e müle. Ien amery mar. Eabe jowt btyk, ek troch in telde biweging fen it gesicht, det er hjar bigrepen hat. Den Eef gau, krekt eft der neat wier, tsjin Evert:) En nou de gernierkerij forhiere, omke? Ef forkeapje, ef.... Evert: (hommels, wart óf:) Stil ris! — (Heart blykber it spyljen. Witst dy kant üt mei de piip, towyl er oandachltch harkei.) Eef: | Och, dat is neat, omke; dat is Evert: Stil nou! — (lichter nei it sket ta, towyl 't er as yn tinken seit:) Och, hwet aerdich! Bearn syn deuntsje: op myn ald harmonika. — Hwet aerdich! — Hwet aerdich..! (sjucht nei de oaren, wiist:) Toe, Eef; — krekt hwet for dy. Toe, toe, sjong mei. . Eef: (hja en Eabe sjugge me¬ teoor oan:) Ja, sjuch, oars wol graech fen seis, mar 'e it kiel.... - 41 — — 42 — Evert: Den Eabe mar. Helje op! Eabe: (kochelt hwet:) Ja, sjuch, oars wol graech fen seis, mar 'e it is krekt eft ik de leste dagen (tikket op syn boarst:) Evert: (Kik:) As jimme net wölle Eef: Graéch fen seis. — To, Eabe (hja, blykber fól se- gryn, fait nou yn, earst net to Md, towyl se grimmitich nou en den nei Evert, Eabe en nei 't sket sjucht. Kochelt soms ien amerij, mar fait den dochs mar wer mei yn.) Evert: (as Eef ynset hat:) Toe, Eabe, toe. — (Yet oerein. Glimket.) (Eabe folget Eef hjar foarbyld. Allegearre sober, mar skerp en goed trochtocht spylje!) Yf: (slacht yet de maet. It gesicht for it peblyk goed to sjen, sadet men hjar spytgnyskjen en ynlike wille merkbite kin. Is de sang hast üt, den yn 'e hannen wriuwe towyl se rjucht-op stean giet en mei in skean-each de kant nei de oaren ütsjucht. Den op it bakje, der 't Wilt ek op stie. Krekt as de sang üt is oer it sket tsjin dei oaren:) Sa wierst wer yn dyn elemint, Eef, hen?! It klonk.... (sabeare forbüke as hja Evert sjucht:) Nou! sjea dêrl — Ald Evert-om! — Ho kin it sa! — Eef: (Ijeaf-falsk:) ffy scoene sizze, net! (Sjucht Yf grimmitich oan.) Yf: (spytgnysket fyntsjes, docht krekt eft se neat merkt:) En hwet seit Evert-om dêr fen? Fen Bearn syn spyljen; ja, op omke syn hantermonika fen seis! Is it net aerdich? Evert: O, sa. 't Docht my goed, Yf, tige goed En witste hwet ik nou scil? Lit Bearn nou stil bitsjen, den wol ik hommels foar him stean. Eabe: Ik scil Bearn wol helje, omke. Eef: Ja, toe Eabe, en den mei-in-oar hjir by ózes op 'e bank Yf: Lit omke nou syn eigen sin dwaen, minsken. As omke nou Bearn ris forrasse wol Evert: Ja, ja, dat wol ik. (Scil nei de doar fen 't sket.) Yf: Né, dy doar is ticht, omke. Op 't slot, ja. Evert: Hwer om dat.... ? Eabe: (forlegen:) Nou, och, de hounen, sju, dy fleane sa. Yf: (fiis:) Ja, hounen kinn' by tiden lêstich wêze, krekt lyk as sommige minsken hèn? Omke moat mar gau de steech troch gean. Ik kom jo yn 'e miette. O, o! hwet scil dy Bearn raer op sjen! — O, dat gesicht fen Bearn! Eef: (scil Evert efternei:) Ja. Dat moatte wy ek ris sjen! — Kom, Eabe! (Krijt Eabe by de earm.) 43 — — 44 — Yf: (Ijeaf:) Né, net sa machtich. — Lit omke allinne. Dêr nat er nou bistek op. Is 't net wier, Evert-om? (róp dit léste Evert nei to wyl dizze al ófgien is. Den:) Ja, knikt de alde. Nou, noü hwet scil dy Bearn opsjen! O, dat gesicht fen Bearn!.. (spytgnysket nei de oaren. Giet wïles op 'e groun en den troch de steech óf.) Eef: (towyl Tf foart giet en dalik neidet dizze it léste sei, forninich:) Ja! — O, dat gesicht fen Bearn! Dêr is in apetroanje noch in pronkstik by! Eabe : (skean nei it sket:) Serpint detst biste! Eef: Dat binne se dêr allegearre!.. (nei 't sket ta; gnüft foar de skreven. Seit wyls:) Hènn?! — Eabe (nei hjar ta:) Hwette? Eef: Sitte dy skreven ticht.. ?! — (Eabe sjucht ek.) Nou, moai bitocht, hjer! — O, dou moast' tinke, dat is 't wirk fen dy snot-aep fen in fint, ja, Wilt ja, nimmen oars. Ik hab him wol fiis glimkjen sjoen, niis krekt sa! — Soa —, Ja wol! — Nou, hy hat it woun hjer. (By 't sket fen dinne.) Eabe: (folget hjar nei 't taffeltsje:) Hjir al, mar oars noch net! Eef: Krekt! Mar dou wolsf nou wol leauwe fêst, det Wilt allang fen Evert-om syn plannen witten hat, om mei 't gernierkjen op to halden? Eabe: Ja. 't Is binaud. Op it slimst', as se dêr ienkear mei-inoar ald Evert-om syn sparpöt yn 'e wacht sleept ha, den lit sa'n lint as Wilt üs Jap de hakken sjen. // Eef: O, man! — En dat om in pear rudige sinten ! Eabe: It binne d i n e s! Dou bist' nei him neamd. 't Giet hjir om it rjucht! hl Eef: Krekt! Om it rjucht! Neat oars! 9 e Opkommen. De oaren. — Lagniet. Lagniet: Sju sa. Dêr bin ik wer. En nou yn jimm' bilang myn rie. Jou rie?! & * Lagniet: Ja, oer ald Evert èn syn sparpöt. Eabe: (as Eef ütfalle scil:) Stil Eef. — (Wol hjar delbédzje.) Eef: (spitich:) Stil Eef....?! Ik stil....?! Ik....?! Fielstou den net ho't dit ald knyn üs mei bisjeifelje wol! — Ik ha jo yn 'e lampe, man! Jy binne Lagniet: In ald frij-feint, krekt lyk as Evert, ja. En dêrom ha'k se alle fiif noch by-in-oar. En dêrom win ik it fen jo. fjrt* Eef: (lilk:) Dus, Evert-om scoe net bij üzes komme, mar by jo ?! 45 — — 46 — Eabe: Stil, Eef. Lagniet: Né. Skoer de bek mar op en siz mar domme dingen. Dêr binne jy op 't lést ek in troud frommis for. Eef: Ald Evert-om by jo ?! Noait! Lagniet: Nou bart it krekt Eabe: Nou krekt? Lagniet: Ja. As in frommis seit fen noait, den giet it krekt altyd oan. En dêrom komt ald Evert.... Ltt- Eef: Net by jo! Ja! dai scoene jy wolle, hén?! Jy witte ek wol (biweging fen jildtellen meitsje:) fen „hierzoo"! hèn?! — Eabe: (leit hjar de hdn op 'e earm:) Stil nou ris, Eef. (Den mei polityk tsjin Lagniet, rêstich:) Sjuch, ik bigryp, jy wolle Evert-om ha en nou siikje jo om him. Lagniet: Ik siikje om in middel om jimme oan 't fors tan to b ringen det Eabe: (fait yn, glimket:) Ja, ja. Lagniet: Mar as ik nou den dochs in rie jaen wol — in goede' rie, den — 47 — Eabe: Ja, ja, dêr skine jy nou ienkear op to stean en dêr binne wy tige tankber for. Mar jow dy rie as Evert-om der by is. En dat kin sa: hy is hjir neist Dy ljue hjirneist habbe him hjir sahwet weilokke, scil 'k mar sizze. Mar hy sit dêr neat op syn gemak, dat wit ik sa mar, sjuch. Hwent ocü jy moatte tinke, it is hwet raer to sizzen, mar 'e as ald Evert-om ophaldt fen gernierkjen, den wolle se him dêr by hjarren yn ha en 'e.... och CJu Eef: (mei biweging fen jildtellen:) Ei ja, „hier zoo", sjuch! Eabe: (pynlik:) Stil, Eef. — Mar sjuch, as jy him nou efkes hjir neist wei helje en komme den mei him by üs — (docht it slot fen 'e doar; praet wiles troch; triuwt Lagniet séft dy kant üt.) Ja, dit mar troch, — (de doar fen 't sket is iepen:) wy wachtsje hjir den efkes, sjuch. Hwent f6n sels, jy komme dochs opslach hjir wer — (yn 'e doar dêr Lagniet troch hinne giet:) Net yn 'e hüs gean, moat jy tinke, — ei ja, it binne nou just net sokke slimme minsken, sjuch, mar it is dochs better mar net yn 'e hüs to gean, binammen om ald Evert-om, sjuch. Dy fielt him dêr net thüs. Lang net sa goed as hjir. Bigripe jy wol? (Eef folget nou alles mei ynlike nocht; wriuwt hjar de hannen fen willei Eabe stiet oan 'e iene kant fen 't kezyn; Lagniet oan 'e oare kant. Beide mei it gesicht nei de foargroun ta.) L a g n i et: (hat him fen Eflüe séft triuwe Uiten. Sjucht Eabe lyk oan mei stielen troanje. Neidet Eabe it léste sein hat, bliuwt er ek noch ien amerij gelyk stean. — De oaren swije den en sjugge Lagniet min ef mear yn spanning oan. — Den, stielkdld:) Gegroet — (Giet troch de doar fen Bearn en hjarr' óf.) Uk Eef: (kloppet Eabe op it skouder:) Dat hasf fijn flikt, siz alde! Fijn! — O, o! hwet scille se nou snuive! Mar wy binne der noch net! Wy scille se noch mear traktearje. Sjuch, Evert-om is like wiis mei dyn fyoele as mei Bearn syn harmonika. Nou helje wy gau de fyoele; gean hjir sitten, op 'e bank en den dou spylje en ik sjonge. En as de ald man den by hjarren üt 'e doar komt, Eabe: (mei biweging fen fyoelspyljen:) Den strike wy him „fijn" dizz' kant wer üt. (heit hjar de earm om 'e mil:) O, wyfke! Hwet is 't minskdom gochem, net!? — Ik leau, we scille lt wol rédde! (8a béide laeitsjende troch de utdoar óf.) 10e Opkommen. Yf, Bearn. Yf: Ho koest' nou Evert-om ek foart gean litte! Nou hiene wy him sa moai op it stoeltsfe en hy siet sa n of lik....! Bearn: (set de harmonika, dér 't er mei op kaem, op 'e groun del:) Koe ik hjir hwet oan dwaen?! Yf: Dou niest him noait gean litte moatten, siz ik. Bearn: O, den in tou om 'e ströt, krektlyk as in geitebok en den de ald man fêst ek noch oan it spit, hjir yn 'e bleek! Yf: Nééé ! Mar dou hiest' dy frjemde steile pilaer, dy Lagniet Bearn: Dy?! Dy hie Evert-om de doar al üt ear't ien fen üs it wist. — (Sjucht de sketsdoar iepen stean:) O, sjuch! — Dat ha we oan dy ploech dér oan 'e oare kant al wer to tankjen! — Dy habbe him hjir hinne stjürd! — — 48 - — 49 — Yf: (wiles by de doar: hellet him ticht:) Dy loeders! — Ticht dy doar! — (Wer mear nei Bearn ta:) O, op syn slimst den nimt dy houtene pilaer ald Evertom wer mei nei hjarren ta! — Dat wol ik sjen! — (Gysten by it sket en troch de skreef gnuve towyl hja op 'e teannen stiet.) 11e Opkommen. De oaren. — Eef, Eabe. (Mef en Eabe binne Ander it léste.siezen fen Yf opkommen. Eabe op 'e hoeke fen 'e tafel, set yn fen de lelies. Eef fait mei yn en sjongl fol fjür, towyl se skean nei 't sket ta sjucht.) H/ Eef: 'f9 Zie de lelies op; het veld. Yf: (as se de oaren sjucht, opslach nei Bearn ta; sert wïles:) Bearn! Gau! Dyn harmonika! — Ja, sy ha de fyoele! (Bearn opslach ré, wylst Yf seit:) Bearn, fen 't hutje, hjer! Sa fül ast' kinste. (Bearn set yn en Yf sjongt kréftich mei. Alle fjouwer mei it gesicht nei de foargroun ta. Allegearre mei grimmitige skeane eagen nei it sket ta sjen.) 12e Opkommen. De oaren. — Lagniet, Evert. (Lagniet komt troch de steech by Eabe 'n hjar, Evert by de oaren op. Hja stean in eagenblik forbüke. Den tagelyk, efter de oaren Idns, sadet dy hjar net merke, nei ü sket ta. Sjugge tagelyk der oer hinne, steunde op it ien ef oar dat der al stie. — Op de eftergroun. — Den, neidet se earst nei Eabe — en den nei Bearn en hjar sjoen ha, sjugge sé mekoar oan; helje tagelyk de skouders op en tikje, elkoar lyk oansjende, tsjin de foarholle oan as woene se freegje eft de oaren hjar forstdn noch ha. — De oaren spylje en sjonge troch towyl it doek fait.) EIN FEN IT TWADE iBIDRIUW. 4 — 50 — TREDDE BIDRIUW. Oer 'e line hinget in tekken fen Yf. Ie Opkommen. Eabe, dêrnei Eef. Eabe: (is dwaende om mei in ald pótskraber it pompier, dat Yf oer 'e skreven yn it sket plakte, wer stikken to stekken. Towyl er hjir efkes mei dwaende is en der nou en den troch gnüfl en gnysket, komt Eef op mei in pear kjessens ef in peul:) Siz, Eef (knypeagje, blykber tige wille:) ik hab al dy skreven wer iepen pjukt. Nou moatte sij sjen det se mar wer ticht komme, net? — Wel ja! hja scille üs hwet leare! — Eef: Kan je begrijpe! Den moatte se bitider fen 't bêd, net? (der ek foar to gnuven:) „Fijn!" — Kinne we alles wer sjen! — Nou, kom, ju. Hja moatte üs net oer 't mat komme. — Neat blike litte. Gjin spil meitsje; mar sa tomük de prippen werom jaen en fiele litte det wy op üs iepenst binne en üs de büter net fen 't brea ite litte. — Sjea sa, (hat ünder it praten wei de kjessens oer it sket hongen:), nou kin dat spil dêr moai hwet wierje. En den hat Evert-om jouns in hearlik fris nestje. Eabe: Scoest' dat spil net better oars wierje kinne, Eef? As hja it der wer ófwippe, lyk as jister fi Eef: Dat moatte se ris yn hjar hert krije! — As hja hjir neist it noch ris wéagje doare ! — Ja, se diene wol krekt eft se der neat fen öf wisten, mar wy witte wol ho 't sit; wy kenne se nou wol, net? Eabe: Nou. Mar Evert-om komt hjir — 51 — f En dêrom dogg' w"y sa! (Fingers wiid üt, foar de noas, dy kant üt, gek-oanstekkende:) Ik héb it keammerke klear. De bêddeboel foar inoar. Nou moatte se it oan dy kant al raer bitinke, as se it ald Evert-om better jaen as det er it by üs ba scil! — Mar ik siz dy, hald de eagen iepen! Stean se net! — En dy moaije kameraet fen Evertom, hald dy ek yn 'e gaten! Eabe: Dy Lagniet wolste sizze? M Eef: Dy selde Lagniet is in mantsje-draek, dat siz ik dij. Dy (Lagniet troch de steech op.) 2e Opkommen. De oaren. — Lagniet. Lagniet: (bliuwt stiif steil stean. (Sjucht Eef lyk oan:) Eef: (hwet forlegen earst:) U-u.... jy....? Lagniet: (strael-kald:) De mantsje-draek. Eabe: Hwet moatte jy wer? Lagniet: Ik moat neat; ik w o 1. Eabe: En hwet wolle jy den? Lagniet Oanh&lde. — Ja. Yn jimm' bilang. Al wer oer Evert.... A4 Eef: Gjin wird oer Bvert-om. — Né, man, wy ha jo ek al lang yn 'e rekken. Evert-om hjir wei en den by jo en den j y branieskoppe fen syn earme sinten. Lagni et: Akkoart. — Mar nou ris efkes hearre nei myn /p& Eef: Net nei jo. (Kearl Mm de rèc% ta:) Kom. (Eabe fotget Eef nei de utdoar ta, neidet se him wonk.) Eabe: (sjucht om. Tsjin Lagniet dy 't hjarren ek Jótge:) Hwet scille jy nou? Lagniet: It selde as jimme.» ff& Eef: Mei yn 'e hüs?!.. By üzes?! — Eabe: Mar man, hwet woüe jy den? Lagniet: Jimm' jimme forstan werom jaen. n Eef: Troch jou praet oer Evert-om, fêst? Lagniet: Né, net oer Evert: mar oer syn sparpöt. Eef: (wiist, smeulsk:) Dêr 't it dizze om to dwaen is, ja! Lagni et: Akkoart Mar dy sparpöt Eabe: Skamje jy jo net! — Lagniet: Né. Hwent dy sparpöt is - 52 - — 53 — Eabe: (wiist:) Dêr is de steech! — En hastich ek-. Lagniet: (sjucht him lyk oan.. Den:) Gegroet — (Izich kóid troch de steech óf.) 0 Eef: Sjea sa! Dy hat syn poarsje èk. Dy kin nou mar nei *t spil hjir oan 'e oare kant fen 't sket ta gean. (Krijt de amer dy f njonken de utdoar stiet.) En den kinne se dè? mei inoar de hollen hwet forfrisje ya dit smoarge siepsop, sju! — Sa dogge wy dat. (Leget sabeare de amer njonken it sket op 'e eftergroun, sa det men yn seal de ünderkant fen de amer sjucht as Eef dy leget. Wiist, gnyskjende:) Sa rint it „fijn" oan 'e oare side, dizze kant ut Wy sciÜ' se wol! En nou gau oan 'e skrep, hjer Eabe. It spil scil yn 'e es as Evert-om hjir aenstons ta de doar yn stapt. Ik hab in swiet anyske for him helle en in protte fen dy oranjekoeken, dêt 't er ek sa gleon op is (by de doar. Skean loerkjende nei 't sket ta gnyskiend:) O, o! hwet scille se „snuive" dêr! ( Eabe: Ja! — Oo! hwet scill' se „snuive!" 3e Opkommen. Yf, Bearn. (Hja droge togearre in taffeltsje ta de doar üt.) Yf: Sa kin 't. — Né, hou nou, ju! — To, slomme. Moat Evertom nou aenstons op 'e tocht? 't Is in ald man, net? — Nou, dêrom Hjir scil er sitte. En den sit er lekker smuk. — Hwet scille se dêr it smoar yn ha det de ald man hjir komt. — Ik hab it lytse keammerke al klear. Hwent ik ha wol mirken det er dêr graech wêze mei en de bêdde- boel ha'k ek al (sjucht skean gnysk jende nei it sket. Den nei it wetter:) Hènnn? Wetter ? Al wer stjonkend, smoarcn wetter ? — 54 — Bearn: Hwet binne it rekels! 't Ha sij him lapt fen seis! Misselik! Yf: (gysten:) To, Bearn! De biezem. — Stean dêr net to sangerjen. — Hjir moat hwet barre! — Snjit op! — To, better! — To, dou doarst' net! — Hjir jow my ris! 't Wirdt mei dy wer neat! — Sjea: sa — en sa — en sa! (ünder dit sizzen fen Yf krige Bearn de biezem en bigoun dérmei it wetter nei de oare kant ta to feiten. Den ontskoert Yf him it ark en faget wyld:) Sjea sa. Nou ha se 't wèr! (Wiist:) En nou dou, as de wearlich, dy smoarge bêdderommel dêr fen 't sket öf, hjer! Ef doarst dat ek al net? Bearn: (ïilk:) Ast' sa bigjinste. —! Ik net d oa r e?! Nèt?! — For sokken lyk as dy dêr?! Hup! — Hup! — Hast it nou sjoen?! (Wipte it béddegüd fen 't sket óf nei de oare kant ta). Ik net doare? — Hwa hat hjir jisterjoun op wacht stien by dy skreven? Ik. — Hwa hie in alde fietspomp klear mei in pötfol yeske; — Ik! — Hwa scoe hjarren dat yn 'e eagen pompe as dy loeders hjir troch it sket sjen woene? — Ik.... Yf: (fliemsk:) En hwa liet him hast mei in latte troch dy selde loeders fen it bakje öf reagje, do 't er dy line wer fêst meitsje scoe dy 't dy loeders lossnijd hiene ? — Ik nèt! Bearn: Ja, hou ris! Yf: Né, né! — sa sit it en net oars! — En hwa wol him bisjeifelje litte fen dy Lagniet mei syn noed for Evert-om? — Ik net. — En hwa hat him yn 'e gaten, dy selde Lagniet dy houtene pilaer ?! (Lagniet is wiles opkomd Bliuwt stean.) — 55 — 4e Opkommen. Lagniet: (neidet de oaren him oanseagen en skrillen; küld:) De houtene pilaer. (Neidet de oaren in amerij swije en him forlegen oansjugge:) Feech op nou! Bearn: Hwet wolle jy? Lagniet: Mei jimme yn 'e hüs. Bearn: En den? Lagniet: To'n earsten: rêstich sitte. To'n twaden prate oer Yf: Ei man, it maelt jo! Lagniet: Past jo to sizzen. Hwent in dronken minske mient altyd det oaren dronken binne. Yf: Ja, harkeris, man, as jy nou neat pars to fortellen ha Lagniet: Dat hab ik wol. En ik scil de wiiste wêze. (Stapt steil en stiif op de utdoar ta:) Die me lief heeft, volgt me. (Troch dy doar óf.) Mar, Bearn! — Litstou dit mar bitsjen?! Bearn: En dou den? (Beide Lagniet efternei en óf.) 5e Opkommen. Eef, Eabe. (Eef is opkommen as Lagniet noch oan 't praten is. Hja gyng bihoedsum nei it sket ta; kipe troch in skreef hinne. Mule heal iepen. Den komt Eabe ek troch de utdoar op.) Eabe: (by de doar:) Siz Eef, scil ik alles hjir mar op it taffeltsje del sette? Ald Evert-om scil nou sa njunkenlytsen ek wol komme. (Sjocht nei it beddegoed:) Sjuch, — ho komt dal dêr ? O, dy glüperts! uA Eef: (sjucht ek:) Dêr hast' it werl — Da's nou sont earjister al de twade kear det se myn skoander bêddegüd dêr fen it sket öfreagje! — Kninen, det it binne, greate kninen. — Sa hellich binne se nou det wy it woun ha! en det wy Evert-om nou ha. Eabe: (foarsichtich:) Wy h a b b e him noch net Ij i Eef: (kliemerich:) Dêr kom „ik" wer oan, hjer! — Yen alle moed wer ontnimme, hen? — 't Wier better detst' dyn poepeknyft naemst en dy rottige line fen hjarren dêr oan flarden snijste! — Astou net doarste, hjir, jow my den mar. — Hwent as myn güd hjir net hingje mei, den scil der: fen hjarren ek gjin stikje ef brokje hingje! — Hjir, jow oer. — Eabe: (hat syn més üt 'e büse krige; op in omkearde amer ef sa njonken it sket:) Dat is for m y. — Dêr; dêr! — (Feecht de line mits twa, sadet de tekken by Bearn en hjar op it bleekje del fait.) (jij Eef: (jowt Eabe it bêddegüd oer:) Sjea sa. En nou dit wer oer it sket. Eabe: (hinget it spil der oer:) En den woe 'k wol ris sjen det ien fen hjarren dêr, syn pingenetten wer oan bisündige! (Wer op 'e groun.) $ Eef: Sa mei ik it hearre! — Stil 'es. — (Loerket troch it sket.) - 56 — — 57 — 6e Opkommen. De oaren. — Wilt. (Wilt troch de steech op. Sjocht de stikkene line en de tekken. SkodhoUet, glimket.) Eef: (tsjin Eabe, dy 't ek seach en wer oer it sket hinne sjen wol,, net léd, towyl se Eabe by de earm beet pakt en foart giet:) Kom Eabe, ju. Nou gjin rüzje hjir, nou 't Evert-om elts eagenblik komme kin. — Wist* hwet? — Wy stil hjir wei. Wy habbe hjir nèt west. As se den bygefal ris smüsjes meitsje wolle as Evert-om dêr by is, den witte wy fen neat en hja kinn' neat biwize. (Is wiles mei Eabe nei de utdoar ta gien. Beide óf.) (Wilt giet mei de line nei U sket ta. Klimt op it bakje en bigjint dy line wer oan 'e spiker ef it oare ein fést to meitsjen. Wiles komt Jap troch de steech op. 7e Opkommen. Wilt, Jap. Jap: (sjucht Wilt; forheard:) Hwet nou, Wilt? lij. Wilt: Ik bin dwaende om in ramp to herstellen. Jap: (skodhollet; drovich:) Is 't wer sa? — (Sjucht op 'e groun:) Ja, hjir hat men ek wer dwaende west. Allegearre wer drits. (Krijt .de bierzem en faget foarsiehtieh nei de eftergroun ta.) Honear scil hjir ris in ein oankomme! oan dit gepleach en gedoch. Wilt: Sa gau as der in deade komt, fanke. Jap: (bliuwt stean. Sjucht op:) In deade ?! Mar, jonge, dat mienst' dochs net. /(J Wilt: Né, it kin ek wêze det in neutrale steat de frede bringt — 58 — Jap: Hab der de gek net mei, Wilt. It is to earnstich. Dêr binne .nou fjouwer folwoechsen minsken, dy't jierren oan ien yn frede en frjeonskip neist-in-oar libbe ha. En om in hantsje-fol sinten, meitsje se elkoarren it libben ta in lést. Hwet meitsje greate minsken hjarren seis sims lyts! J>j W i 11: (smout:) Moast net sizze, Jap. As ik neigean ho tuk eft hja wirden binne yn 'e striid, den hab ik earbied for hjar skerp ynsjuch en fornimstigens! Jap: Fij, Wilt! Dat mienstou net. M ■ Wilt: Dat mien ik trije kear. Gean mar ris mei! Seoene dou en ik ea op it idéé komme, om dêr by jimmes in yeskelaed to leegjen as de wyn dit oer is en hjir krekt wiet linnen op 'e bleek laeit ? Jap: It is skandalich hwet üs heit en hjar diene. Ilv Wilt: En mines? Wierne dy sims minder tuk yn hjar birekkening, om hjir in fyftich alde moalsekjes üt to klopjen, do't de wyn nei jimme kant oer waeide ? Jap: (sjucht foar hjar del:) As it sa langer moat, den gean ik foart. * j Wilt: (glimket:) Ik èk. — Ja, ik teikenje mei dy. Jap: (sjucht op:) Teikenje? — Mei ? }4j Wilt: Ja, nei de Oast. — Ja, Jap, royael op, fanke! Evert: (forheard:) Hwet seistou, Bas? Hwer hiesf it oer? Lagniet: Di hie it oer dyn sparpöt Evert: (sjucht him oan:) Myn sparpöt!.... Hè, hè, hè! — (Slacht him fen wille op 'e knibbels, towyl 't er hertelik loket:) Witstou sims hwer 't ik dy siikje moat?! Lagniet: Ik net. Mar hjir — (wiist nei Bearn syn hüs) en dêr — (wiist nei Eabe 'n hjar) dêr witte se it wol. 10e Opkommen. De oaren. — Eef, dérnei Eabe. v y Eef: (mei in flesse en romers la de doar üt. Sjucht Wilt dêr boppe it sket. Opslach:) Hei! Hei dou dêr! Evert: (forheard:) Hwet geraes is dat? Lagniet: (finger omhegens:) It bigjin fen 't ein. Tink 'er ris om! ff 0 Eef: (hat hjar flesse en güd op it taffeltsje del set, towyl Lagniet en Evert dit léste seine. Den gysten wer tsjin Wilt:) Jaha! Dêr ha 'k dy, doagneat! — Scoest' wêr üs bêddegüd fen boppen del ramaeije, hen? Krekt lyk as earjister! Mar ik scil dy traktearje, feint! (Stout ta de doar yn.) Evert: (forbüke:) Mar — mar — hwet — hwet is der dochs? — (Wilt is wiles laeitsjende omlegerts gien.) Lagniet: Seis mar ris sjen. — (Triuwt Evert op it bakje, dér 't Wilt krekt óf stapt is:) Op it triater! - 62 — - 60 - Evert: Den scille se raer ophearre. Hwent op dyn oarders hab ik der tsjin nimmen ea oer praet ho't it mei my sit. (Tsjin de oaren:) Ja, sjuch my mar ris nuver oan. — Jimm' ha nea witten hwet ik jimm' nou sizze scil. Jimm' ha nea witten det myn gernierkerije wol op myn namme stiet, mar det it jild dêr ik it mei bitelle, sin es is. (Wiist op Lagniet). Hy joeeh it my, nou jierren lyn, üt alde kameraetskip, for in bytsje rinte, ja forgees. Lagniet: Net lige! Evert: Wier is 't. En wier is èk, det dizze man my holpen hat do't ik it bytsje dat 'ik seis hie, forboerke Lagniet: Houl — (Wilt hdldt him salang hwet op 'e eftergroun, mar folget alles mei blykbere noeht.) Evert: Né, Bast! Lagniet: De bek ticht! Evert: As ik ütpraet bin. Ik mocht nou alles sizze, haste sein. Ik scil it sizze. Lagniet: En ik wol it net hearre. Evert: En hwerom net? Lagniet: Omt ik him (wiist op Wilt, dy H loket), dy 't wol nei my hearre woe, it efkes oars forteld hab! (Jap is wiles opkomd. Winkt Jap om by him to kommen.) 5 - 66 - Jap! Kom dou hjir ris. Ja, hjir neist my. Ja, neist my, hwent op dit stuit bin ik dy hast allike nei as Wilt! Sju sa. Nou meitsje jimme, Wilt en dou, ja, — jimme klear. En den nei Evert syn gernierkerij. Ja, jimme togearre! En for goed! Da's yn de bus. En jimme trouwe. — Da's ek yn de bus. — En nou mei my! den scil Ti jimm' mear fortelle- (Hy hat wiles Jap en Wilt by de earm krige. Beide laeisjende, litte hjarren fen him troch de steech fen Bearn óf-triuwe. By de steech, Lagniet tsjin Evert, towyl er him wer efkes omkeart.) Sjea sa, ald boef, nou kinsf mar lige, krekt sa stuf ast' wolste. (óf.) Evert: (tsjin de oaren:) Hy wit wol better. Mar hy wol 't net wêze. Noait hat er wêze wollen hwet er for my wier. Dêrom moast ik altyd swije. Jimme witte it nou. Jimm' meije it nou witte. Ek det ik troch syn stille stipe my nou noch yn "t gasthüs keapje koe 12e Opkommen. De oaren. — Lagniet. Lagniet: (by de steech:) Jongkeareltsje ! (Winkt Evert mei de finger om to kommen.) 't Is tiid. Evert: Krekt. Hwent ik bin oan 't ein. Allinne moat ik noch sizze detstou foart-oan de eigner biste fen myn gernierkerij! En astou hjarren sein nieste, hwet ik nou sein hab, Bast, — den Lagniet: Den hie'k in flauwe keardel west Evert: Hwerom? Lagniet: Om't ik it sizze moatten hie op m y n menear. ^ * Eef: (bidêst:) Hie dat mar dien. Yf: Dat siz ik ek. L agniet: Dat mocht ik net! Eabe: Hwa sei dat? Lagniet: Jimme. B e a rn: Wy?.... Lagniet: * Jimme is jimme. — Di hab bisocht, hjir, dei oan dei en üre oan ure, om jimm' to sizzen ho't it siet Ik foun 't biroerd for myn alde, brave boef, det hy it sizze moast. — Ik woe jimm' rie jaen om mei jimme mallichheden tsjin oer elkoar op to halden. (As de oaren hwet sizze wolle:) Stil! — Wy rüke in-oar. Mar hearre woene jimme net. As ik kaem, den wier 't altyd: de bek ticht ef de tange! — En nou: (Tsjin Evert:) 't Is in de bus. — (Nimt Evert yn 'e earm:) Kom, alde boef. — (Hy sjucht de oaren ien amery lyk oan; bretael en kald. Holle efteT, oer. Keart him den om:) Gegroet! — (Mei Evert troch de steech óf.) (In amerij stean de beide peuren forslein.) Yf: (net to lüd tsjin Bearn:) Kom, Bearn. (Fen 'e foargroun nei de utdoar ta.) Bearn: (folget hjar:) Ja, Yf. Yf: (hat hjar heal omdraeid, den, hommels, mar net to lüd mei inerlike nocht tsjin Bearn, holle heal foarüt:) En dochs! det wy neat krije, is net sa slim; sy krije èk lekker niks! (Ynje hüs óf, towyl se hjar yn 'e hannen wriuwt.) - 67 — — 68 — Bearn: (de finger omhegens, ek yn syn skik:) O, soo! — (Sa dalik óf.) Eabe: (towyl it foargeande oan 'e kant fen Bearn en hjar ófspile, is hy mismoedieh nei it taffeltsje ta roun. Sjucht foar him del. Eef folge him en gyng op 'e bank sittën. Sa gau as de oaren óf binne, giet Eabe mei in sucht oerein:) Dat is forspile, Eef. Qij Eef: (oerein:) Hwet? Suchtestou dêrom? Eabe: (forheard:) Dou net? y/f Eet: (yn hjar skik:) Né. Hwent ynwmdich bin ik bliid. En witsf hwèrom? Sjuch: det wy neat krije nou, dat is biroerd, mar folie biroerder scoe 't noch wêze as hja, dêr wól hwet krigen! Eabe: (forhearlike: wriuwt yn 'e hannen:) Dou hast' gelyk. Sy kinn' der ek nei floitsje. D a 's in treast! — (Den Bef op de doar fen it sket ta:) Hwet scilste nou? — (Giet nei it antwird óf.) Dy doar (As Eef by de doar is, sjucht hja Yf, dy 't opkaem Ander it léste sizzen en dy doar ek ticht dwaen scil. De frouljue ien eagenblik forbuke. Den:) O....! Yf: (ek hwet forlegen:) Ja, — ik scoe dy doar èk ticht dwaen. Qfi Eef: Ik ek. Yf: O....? — Nou. (sjucht nei Eef, den foar hjar del.) Eef: (lit de doar los:) I Né, astoü ljeaver wolste.... ? Yf: (hwet frijer:) Né, hielendal net. — Doch dou mar # Eef: Och né.... Yf: Nou, om m y hoeft it ek nei Ljjy Eef: (tinkende wei ljeaver:) Ja, om my èk net. Yf: Nou, ja ho scil 'k sizze fy) Eef: Och ja. Wy kinne him ek wol iepen litte Yf: (heal glimkjende:) Och ja. Hwerom eigenlik ek al nèt? fyf^u Eef: (ek hwet forlegen glimkjende:) 't Is eigenlik èk sa. (Den sjugge se mekoar tagelyk oan, beide, heal en heal yn twastriid, glimkjende. Den eagen foardel en wer mekoar oansjen. Beide jowe troch holding en gebearien dudelik oan, dat se op inoar ta komme wolle. — Stil, sober spylje! — Ien amerij. Den:) Yf: (as Eef forlegen laket:) Dou hast gelyk, ja. (Laket ek forlegen.) Eef: Ho sa, ju? - 69 -