krüpt alleman yn syn hóf en yn syn hüs en yn syn hirdsherne, en it wylde dier siket de smoute bergen en de holle beam, dêr't it syn libben bihaldt. Den weint en kryt it ünjierrich bern en teant syn neakene lea en syn hüsleazens en syn heit, dy't him rédde tsjin 'e honger en de nevelkalde winter, det dy sa djip en tsjuster mei fjouwer neilen leit ünder it ikenhout en ünder 'e moude bisletten Waechslaeike fen Tolsum yn it Frysk Muséum. en biditsen; den moat de mem hjar berns erve sette en selle (forkeapje), dêrom, det hja de pliich en plicht hat alsalang as it ünjierrich is, det it net fen froast ef honger of finzenskip forgiet." Lyk as Daniël syn profesijen en Johannes syn Apokalyps, hawwe de Fryske wetten hjar symbolyk. It is jimmeroan saun, saun, hwet de klok slacht. It Fivelgoaër lanrjucht bigjint mei in wysgearige sköging oer ewa (wet), setma en plega. Saun keningen sprekke hjar oardiel üt oer 'e plega. As men it Godshüs bistelle wol, scille saun frije, folberne, einierde, ynseten ljue, dy't it Credo en it Pater noster kenne in ied swarre ta bate fen it hillichdom. Por de saun sélannen scil men warje saun strjitten, rom en farber, südlik to farren, trije oan lan, fjouwer op it wetter. Der binne saun soarten fen frede: tsjerkfrede, hearfrede, thingfrede, Romes-frede, dykfrede, hóffrede, hüsfrede. It rjucht fen 'e sauntjin kesten scil men halde mei saun ljue as tsjügen to Upstalbeam tiisdeis yn 'e pinksterwike alle Friezen .ta lof en eare. Magnus, der Frezena findeldrager, dy't syn fane op 'e heechste toer fen Rome plante, krige fen Kening Karei saun keren en sauntjin kêsten. „In hillich biskop siet derta en skreau it mei syn hannen en Magnus spriek it mei Noarske bracteaten mei de Midgardslange, foun to Frjentsjer. Fr. Muséum, 6e ieu. de müle üt de stiennen tafels, dy't God Moazes op 'e berch fen Sinaï joech." As de frije Friezinne kaem yn „thes frija Fresa were" mei hoarnes lüd, mei beaken bran en mei frjeonesang, den waerd der it segel op set mei saun bürljue en mei de preester, dy't hjar yn 'e tsjerke brocht en de mis song en mei de offerman, dy't de klok lette. Ho it heidensk-mythyske bytiden gearfrissele is mei it Christlike, kin men sjen yn 'e saga fen 'e Dokkumer toer. De toer, dy't yn oanbou wier >— sa giet it forhael — truzele algeduerich om. De wiersizzers rieplachten en wierne fen bitinken, d'r moast in bern komme, dat gjin ierdske heit hie, en mei it bloed fen dat bern scoe men de founeminten fen 'e toer bistrike. Do't dat barde, sieten yn 'e djipte ünder wetter twa draken. Hja hiene der tüzen jier lein. As de lest hjar to swier wier kearden hja hjar om en dan foei de toer yn. Nou bigounen hja inoar to bikampjen, oant beide dea wierne. It is düdlik: dizze saga bringt de striid twisken heidendom en Kerstendom yn byld en it bern is üs Heare en Forlosser. Men kin yen dêroer bisauje, det üs dichters sokke stoffe net mear biarbeide hawwe. Greatmasters yn 'e kinst lyk as Sophocles en Shakespeare, Goethe en Gogol hawwe hjar poëzije üt sok moarmer houd. En Fryslan is sa ryk oan dizze sagastof. Men moat de alde kroniken der mar op neislaen: de Divisy-kronyk, Hamconius, Winsemius en dy fen East- en Noard-Fryslan. Spitigernóch is dit materiael ünrjucht oandien. Oan 'e iene kant is it weismiten as üntüch, oan 'e oare kant is it forhearlike as ynwiere feiten. Suffridus Petrus en Winsemius hawwe krekt sa goed sündige mei hjar goedleauwigens as Emmius en Bolhuys van Zeeburgh mei hjar Ontleedmes. Men moat dy folksforhalen fen Friso, Saxo en Bruno, fen it fjürspijend Reaklif, fen Redbad en it riemleas skip, fen de Magnusfane en de St. Odolfsklokken, fen Paep Jan en tsjientallen oare biskögje as oerleveringen, dy't opkomd binne üt it primitive tinken en dichtsjen fen üs foarfaers. It wier in foar-redelik, mythysk tinken. En dat joech in skied- en taelwittenskip, in genêz-, waer- en plantkinde yn 'e hül. It liket wol op in oarbosk, dat slachten kommen seach en gean en dat altiten wer nije leaten ütsjit. En de ranken slaen hjar earmen om stinzen en poellen, om beammen en tsjerken, follentiids yn 'e foarm fen in spoeketeltsje. Hwa tinkt hjir net oan 'e Wylde wrigge fen Warten, dy't yn 'e Pingmar fen iel libbe en lytse bern nei 'e djipte slepe woe; oan 'e gleone föle, dy't spoeke op 'e Leppedyk; oan 'e wite jiffer to Harns, blank as snie. Ja, hwer spoeke it net ? Men skrille for 'e ünheilsmachten, mar mei it skriljen wirke de fantasije, en boarte de poëzije. Faken opservearret men yn dit folksleauwe in djippe sin for gerjuchtigens. J. H. Halbertsma forhellet, ho't er by nacht yn in fiskers-aek mei in ljeaf driuwerke op 'e Fluezen oan 't silen wier. De fiskerman sei: „Der liket wol stellen izer oan 'e aek to wezen." I—i „Ho dat?" frege Halbertsma. „Ei, dêr sit de Kweade efter, en den fljucht men mei blakstille troch it wetter," wier it antwird. En dan is der it foartsjirmjen. „De fiskers hearden by aids, as 't de oare deis wakker op 'n netbreidzjen gean scoe, al it rotteljen fen it krüs, dêr't it jern öf~ roun, en it oanskoerren fen 'e knopen, op 'e hirdplaet. De boeren hearden, as it drok yn 'e boerkerij wier, oer nacht it riden fen it Uleboerd op 'e pleats fen J. de Boer to Baerloo by Bloksyl nei in foto fen Dr. H. Wirth. kret, it ratteljen fen 'e amers, it stampen fen 'e tsjerne. De winkelljue hearden, as de nearring drok wirde scoe, de doarren gean, de trompen tadwaen." (J. H. H.) Wy wolle ek net forjitte Halbertsma syn sizzen: „Ut it boartsjen fen 'e bern fornimt men de leste suchten fen in weistjerrend folkslibben, dat foar ieuwen yn krêft wier." De drift om nei to folgjen is it bern eigen. Utstoarne seremoanjes en rjuchtspraktiken, dy't ienris heechsteatlik hjar tadroegen, binne nou weikrupt yn 'e bernewrald. Tacitus forhellet yn syn Jierboeken, det Germanicus by in expedysje (14 jier nei Chr.) de Germanen oanfoel mids in feest by de froneker ta eare fen 'e goadinne Tamfane. Hwer is dat feest bleaun? Yn it Frysk berneboartsjen fen Anke-Tanke.- De bern geane by inoar sitten. Ien is mem. Dêr komt Anke-Tanke oan. Hja seit: Klopperdeklop. — „Hwa kloppet dêr?'' „Anke-Tanke, toverhekse." — „Hwet wol dy ha?" „In koaltsje fjflr." (offer) — „Dat haw ik net; kom yn 'e hüs." i— „Hwet ha jy der moaije bern, dêr woe 'k wol ien fen hawwe." (berne-offer) — „Ried den hwet hoazzen hja oan ha." „Hja scille it bést ha, op goud en sulver sliepe; yn goud en sulver klaeid wirde; ite en drinke hwet hjar lést." Nou giet de tsjoenster mei it iene bern nei it oare foart. Hja docht strie om hjarren hinne en skoert wakker mei hjarren om. De bern kleije bitter en wolle nei mem. Ja, mar den moat earst de kaei fen Akkrom forbarnd wirde. Dat is de dramatyske opfiering fen it ald-Germaenske kultusfeest. Mei fjür en strie en minske-offers. Oant seis de namme ta is bleaun. O de tradysje fen it folksleauwe is sa taei by in folts as uzes, dat ieuwen hjir wenne oan in üthoeke fen West-Jerope mids in wyld en sompich flnlan. En as de bern in kinkhoarn op in beamtüke sjugge, giet it op in sjongen: Wouter, Wouter, kom üt dyn hüs, Dyn hüs barnt op, Al dyn doarren en finsters stean op. In djippe sköging yn 'e folkswitnis fen it ald-Friezendom jowe de sprekwirden, sa echt field, tocht, sein, sjOen, en oeral mei in frissens, dy't bikoaret. Der leit in bilidenis yn dit iene: „Dêr is mar ien God yn 'e wrald en dêr is mear as genöch oan," en yn dit oare: „Wy libje wol by ien God, mar net by ien tiid." Hokker minskekennis sit yn it wird: „Hwer jild is, dêr is de divel en hwer neat is, dêr is er twöris." Hokker treast jowt it sizzen: „Wirdt de iene doar for dy sletten, dan giet de oare wer for dy iepen." Hokker koartswilige oerdriuwing sprekt üt de sizwizen: „Hy hat safolle drank op, det in ein mei saun piken dêryn sile kin," en: „It is in stoarm, det saun skroarren kinne net ien keallefel hélde." Ho stellich en stüf seit de Fries: „De bek nei de byt sette" (Holl.: De tering naar de nering). De libbene ban, dy't üs oan eltse ieu üt it forline fen üs folk forbynt, is de tael. Wünder boppe wünder joech hja it net oer yn 'e fülbandige striid. Stiele kaem hja üt dy striid to foarskyn. Hjar to bioefenjen is oanreitsing mei de siel, de wysheid, de praktyk, it wêzen fen üs foaralden. Rom en breed lizze dêr de fjilden fen de oeralde folksbidriuwen lyk as jeijen en fiskjen, boerkjen en feantsjen, skipperjen en tüntsjen, bakken en slachtsjen, ymkjen en fügelflappen. En den is der de aldfryske klaeijinge, de groetformule, de bürreplicht, it hirdriden, en safolle mear. As üs jongfeinteforienings en kriten hjar ris ütleinen op dizze gebieten, hofolle richter scoene hja komme by hjar eigen lan en bolwirken foarmje tsjin frjemdsin. De nok fen it moderne libben is det it forfrjemdet fen yensels, fen it eigene, fen 'e natuer. Tüzenen stêdsbern witte gjin ünderskied twisken in flearstrük en in toarnbosk, hawwe nea net in hazze rinnen sjoen ef in lyster floitsjen heard. Wy, learde minsken mei üs diploma's en akten, kursussen en eksamens witte net ienris hofolle knopen oan üs jas sitte. Och, it is ommers ek mar konfeksje. Mar sa wier it net mei de ald-Hynljipper dracht. En waerd in knottedoek net as in relyk biwarre? In kenner fen folkskinde hat de winsk ütspritsen, det de Heling mei de saneamde ünderkultuer bliuwe mei. It is fiedsel for oarspronkelike, hegere, wiere biskaving. Den giet de skynbiskaving, de parvenu de doar üt. Hwennear wier it de greatste tiid fen it Romeinske folk? Sagen und sagenhafte Erzfthlungen aus Ostfriesland, 1869; Strackerjan, Aberglaube und Sagen aus dem Herzogthum Oldenburg, 1868; J. Winkler, Lijst van Friesche eigennamen, dl. IV fen it Friesch Woordenboek, 1898; E. Wassenbergh, Verhandeling over de Eigennamen der Friezen, in de Taalk. Bijdragen tot den Fr. tongval, 1802; Opstellen fen Joh. Winkler oer Fr. Nammekinde yn De Vrije Fries, dl. 13 en 14; Fen deselde; De Nederl. geslachtsnamen, 1885; Dr. O. J. Boekenoogen, De Zaansche Volkstaal, 1897; F. Buitenrust Hettema, Friesche plaatsnamen, tegelijk een bijdrage tot de oude aardrijkskunde van Friesl.; Bern. Brons, Friesische Namen und Mittheilungen darüber, 1877; K. Strackerjan, Die Jeverlandischen Personennamen mit Berücksichtigung der Ortsnamen, 1864; F. Starck, Die Kosenamen der Germanen 1868; W. Lüpkes, Ostfriesische Volkskunde, 2e Aufl. Emden 1925. REDBAD DE tiid wier foarby, det Drusus de hên Iaei op it eilan Borkum, det Tiberius syn float sile liet nei kaep Skagen. Keizers en tsjinkeizers kamen op as de wite koppen fen 'e weagens en waerden wer wei. Men seach yn 'e wide wrald net mear sa skruten as alear nei de „ivige stêd." Rome tarde op *e alde rom, mar it snoer, dat it wraldryk omspande, rekke ton ein. Italië woe net mear arbeidzje, woe ek net mear yn *e wapens. It steunpunt kaem to lizzen yn e provinsjeljue, yn 'e hynsteriders en legioensoldaten üt Thracië, Gallië, Fryslan. Yn eigen tael mochten hja by de oanfal hjar striidrop hearre litte. Alles wirke mei, det de Germaenske selsfieling riisde. Noch ien feardige skamper en de ald stins fen 'e Caesars sloech del. Dêr geat it wylde barbarelan fen Donau- en Weichselkriten syn folk üt as in tsjettel, dy't oerköket. Fépest, misgewaechs, oerbifplking, honger giselen hjar wei üt 'e affaers-wenten, stam nei stam, earst yn 't lyts, mar it dijde oan ta in banjier, dy't syn weagens sloech oer 'e hearbanen fen Jerope, it Suden en Westen yn. Der hie in folsleine opskouwing pleats yn 'e wrald. Alderlei stammen waerden opjage ef opslurve yn 'e greate süging, sa't in stjalprein weiwirdt yn 'e gleone groun. Ien folts lykwols wist itselde sté to biwarjen, ja syn swetten üt to lizzen fen it Swin ta de Wezer. Fryslan loek de holle üt 'e mingelklomp op as in jonge lieu yn it wald. Dit forskynsel neamt men „de Fryske expansy." It hat wikkerdewik west ef üs folk hie de boppetoan yn it Jeropeesk orkest krige. Leopold von Ranke skriuwt yn syn Deutsche Geschichte im Zeitalter der Reformation. Berlin, 1852, bl. 6, det de striid fen 'e Friezen oan 'e iene kant, en fen 'e Islam oan 'e oare kant tsjin it Frankendom, ien fen 'e greatste mominten fen 'e wraldskiednis wier. Sa't men nou praet fen it giele ef fen it Bolsjewistysk gefaer, sa hawwe de Merovingers en de Karolingers yn 'e 7e en 8e ieu it Fryske gefaer hawn. mar nou hjir, den dêr wier. Syn namme is ek forboun oan *e Conrebberswei by Emden, de kenig Roboduswei in Rüstringen, de Rappelsberch, Rapelsberch en Robodeswarf, alde grêfhichten oer 'e Iems. It meast wraldkindich is de saga „fen dae koningen Kaerle ende Redbad," dy't wy üt 'e aldfryske wetten hjir oernimme: Dae di koning Kaerle ende di koning Redbad fan Denemerkum in dat land komen, dae bisette, eelk zyn burch in Fraenekraghae mey ene herescelde, end elck seyd, dat lant weer zyn. Dae woldense wise lioede ierne sena ende dae heren wolden hit bistrida; doch wysda ma dir sone also langhe, dat ma hit op dae tweer koningen ioed, hoekra oerem oen stilla stalle wrstoed, dat hi dat land winnen hede. Dae brochte ma dae heran toe gaera, ende hia stoeden en eetmal allomme. Dae leet him di koning Kaerle zyn handschaegh oenfalla; dae rechtan him di koningh Redbad. Dae spreeck de koning Kaerle: Oho! ende hiackade. Deerom hiet zyn burch Hochenzie. Dae spreec di koneng Kaerle: Dit landt is myn. Hweerom? spreek di oera. I sint myn tianstmane werden. O, wach! spreek Redbad. Aldeerom heet Redbadis burch. Wachenzie. Dae foer di koningh Redbad vta lande. Dizze saga, dy't festknotte sit oan 'e nammen Hakens en Waeksens is grif üt 'è Frentsjerter kontreien, hwent it slot fen 'e saga giet'oer Akens en de Eswei by Bajum en Kalda del (= Keallehei = Decama = Sjaerdemahüs). Dêr wirdt forhelle fen Karei, dy't tingje woe. Dae seynter boeda in da sauwen seland, ende heet, dat se him een fri stoe kaepede, deer hi zyn stoel mey riochta op sotta mochte, ende op thingia mochte. Dae kaepeden hia mey scette ende mey schellinghe Deldemannes, id est: Kalda del. Deer thingade hi dae oppa, ende laedade dae Fresan toe ferra him, ende heet, dat hia riocht kerre, als hia halda wolde. Dae beden se ferstis ti hiara foerspreka. Da ioed hyt hemmen. Des oera deys heet hi, dat se foer dat riocht kome. Dae komen se, ende kerren foerspreken, toulif fan dae sauwen selandum. Dae heet hi, dat hia riocht kerre. Dae ieraden seferstis. Dis tredda deis hete hi se foer dat riocht komma. Dae teghen hia needschyn. Dis fiarda deys also. Dis fyfta alsoe. Dit sint twa ferst ende dae tria needschyn, deer dit fria Fresa mey riochte habba mey. Dis sexta deis heet hi, dat se riocht kerren. Dae spreken se, hia koeden naet. Dae spreek di koning Kaerle: Nu lidze ic ioe foara tre kerren, hokra ioe liaera sie: Dat ma ioe alle deye; dan i alle ayn wirde; dan ma ioe en schep iouwe, alsoe sterk, deer enen ebba ende enen floed ienstean moege, ende dat sonder allerhanda remen ende roer, ende tauwe. Dae kerren hia dat schipp, ende sylden wt mey dae ebba alsoe fyr, dat hia nen land siaen mochten. Dae wasem herde lede toe moede. Dae spreeck di ena, deer fan Widekenis slachte was, di formeste aesga: Ic habbe heerd, dat God wse Hera, dae hi oen eertrike was, toulif iongeretï hede, ende hi solm trettiensta was, ende hi toe himmen koem al bi slettena dorem, ende traestese, ende leerdse. Hoe bidde wy him naet oen, dat hy ws en trettundista seynde, deer ws riocht leere, ende weer toe lande wise. Dae foelen hia alle op hiara kne, ende baeden inlike. Dae hia dae bedingha deen heden, dae stoeden se op. Dae sioden hia en trettiensta oen der stioerne sitta, ende ene gildene axe wt siner axla, deer hi mey to lande stioerde, ienst wynd eende straem. Dae hia toe lande koemen, dae worp hy mey der axe op dat land, ende worp ene turwe op. Dae o'enspraengh deer en burner, aldeerom haet dat et Axenhowe. Ende et Eswei comen hia a lond, ende seten om dae burna, ende haet hiarren di trettundista lerede, dat kerren hia toe riochte. Dech ne wister nemma onder dae fulke, hoek di trettundista were, deer tia hiarem kommen was; alsoe lyk was hi eelerlikum. Dae hi hemmen landriocht wiisd hede, dae weren der naet meer, dan toulif. Aldeerom schellet deer wessa in dae lande trettien aesghen, ende hiara dommen aeghen se toe delen toe Axenhowen ende to Eswey. Ende hweer scoe hia' oen twae sprecket, scoe aeghen dae sauwen dae sex in toe haliane. Aldus is het landriocht aller Fresen. Dêr is yn dizze saga in heidenske en in kersten-oanklank. De axe (= houten bile) makket it at~ tribüt fen Wodan yndachtich. De sit om 'e hillige boarne docht tinken oan 'e Urdar-welle, dêr't Balder, Odin soan, it rjucht wiist, en oan 'e mythyske stof üt 'e Edda, dêr't Odin toalf Aesir yn Asgard ta prêsters oanstelt. Ek dy namme Widekenis is alhiel opmerkelik en men kin net neilitte him yn forbining to bringen mei de greate Sakser Widukind en ek mei Decama. Det dizze heidenske saga in kersten-omwirking ündergien hat, is tige wierskynlik. Gjin Redbad-saga is forneamder as üt 'e Annales Xantenses (11e ieu) en de Vita Wulframmi, dy it forhael hawwe fen Wulfram, RADBODVS R E X FRISIjE SEXTVS Plaet üt Hamconlus' Frisia. biskop fen Sens, en syn bisiikjen om de Friezenfoarst to bikearen en to dopen. Satan socht dat to kearen. Hy spegele Redbad it Walhalla foar, as er it Odin-Freija-leauwe biwarre. Hy scoe dat plak fen loksilligens sjen meije. In boade fen 'e kening en in kersten-prester giene op wei. Einlings seagen hja fen fierren in hüs, oppronke mei edelstiennen en gouden pracht. Dit takomstich lot makke de kening wifelsinnich. Do't er de iene foet al yn 'e fonte hie, frege er Wolfram: „Hwer is it greatste part fen 'e Friezene keningen en edelingen yn 'e kerstenhimel ef yn 'e hel?" — „Dwael net, eale foarst, — sei Wulfram — by God is in fêst tal fen syn ütkarden. De foarmannen fen jins folts, dy't büten it sakremint fen 'e doop forstoarn binne, lizze Ünder 'e ivige doem, mar dy't leaut en doopt wirdt, scil him ivich mei Christus forbliidzje." Op dy wirden loek Redbad de foet üt 'e fonte, sizzende: „ik kin net büten it lotgeneatskip fen myn keninklike foargongers, om mei in lyts kloftke kersten-earmen yn it himelryk ta to halden. Den bliuw ik ljeaver yn it leauwe, dat ik sa lang mei myn folk hoede en noede haw." — „Wé!" wier Wulfram's andert — „ik sjuch dy bidragen fen 'e greate Forlieder, dy't it minskdom meinimt. As jy net boete dogge en jo ta 't kerstenleauwe dope litte yn 'e namme fen 'e hillige Trijienheid, scille jy net yngean troch de himelpoarte, mar de ivige doem biërvje." In djippe sin kin men dizze saga net üntsizze, mar in saga bliuwt it. Wulfram is al yn 695 forstoarn en hat sünder mis net ünder 'e Friezen preke. Ut it forhael sprekt klear, hwet wy al .wisten, det Redbad de greate tsjinpoal is fen it Kerstendom. Hy hat blyn wést for de tydlike en ivige weardije fen it Evangeelje. Mar syn heech-tsjerklike libbenbiskriuwers hawwe blyn wést for de steilens en sterkens fen dizze greate Germaneflguer, dy't stiet op it lange lijenspaed fen it Friezenfolts. Men hat fen him in divelsbern, in boal, in tyran, in bloedhoun makke. Eft men ien ef tsjien kroniken lést, jimmeroan is it ienselde het, det hy in barbaer wier. Dat giet my to fier. As ik syn persoan hifkje op groun fen 'e authentike dokuminten, den komt foar my to stean in man fen heech ynboarst, in stoer Frysk karakter. En sa'n karakter is nou ienris net maklik en ynskiklik, net meigeand en linich. Redbad is de strakke, de ynbannige, altomets grousume, mar hy is ek de man fen it dryste doaren, fen ünbidimbere heltemoed, de Bodders yn 'e Fryske Striid 3 strider for Fryske frijheit en Germaensk wêzen, de trouhertige biskermer fen syn folts. Foar de prêsters en tsjerklike diplomaten fen it Frankelan oer stiet er as de hirde klip fen syn Hilgelan yn 'e branning fen 'e Noardsé. Dat mei men bitrure, mar hjir past gjin lekskoaijen, likemin in forhearlikjen. Nei üs bi tinken hie syn striid gjin takomst. It kerstendom wier foarornearre om as in jonge, heech godstsjinstige en seedlike krêft it sakjend Germaenske leauwe to oerwinnen en hilligjend op it Jeropeesk libben yn to wirkjen. En dochs bat nei toalf ieuwen Redbad for üs Friezen noch net öfdien. As it ynskepen aerd wei wirdt en de frjemdsin tanimt, lit syn namme den in symboal wêze fen nije Fryske libbens-lieding, lit syn persoan den for üs wêze de geve Germaen, dy't langstme wekket nei fordwoune krêft, lit hy yn it Frysk formidden as protest wêze tsjin alle healens en twaslachtigens. To Rapperswyl yn in lytse kapel fen it Poalenmuséum rêst it hert fen Kosciuszko, de greate helt fen Poalen, de wapenbroer fen Lafayette yn 'e Amerikaenske frijheitskriich. De urn, forsiere mei it reliefbyld fen 'e eale patryot, hat ta ynskrift: RESVRGAT POLONIAE, d. i. Mocht hy opstean for Poalen! Wy kinne dat net oernimme Redbad oangeande, mar dat RESVRGAT hSldt syn bitreklike wearde. As hy syn mausoléum hie op it Reaklif — hwent Redbad heart by de sé — lyk as Theodorik yn it iensum fjild foar 'e poarte fen Ravenna, den scoene wy mei in frij Kristenmoed in klimmerkrans op syn grëf lizze. Wy pylgerje for üs sielerêst nei Syon, dêr't it liet fen Davids spylark us troch de siele reauntet. Wy knibbelje for it krüs fen Golgotha, as it heechalter fen üs leauwen, mar for it ünthald fen üs oarsprongen bliuwt Redbad by üs yn eare as in sinbyld fen ynfrysk wêzen. Sjuch: Beda, Hist. ecclesiastica gentis Anglorum; Liber Historiae Francorum en Fredegarius Continuator in Monumenta Germaniae, S. S. Rer. Merov. II en III; v; Richthofen, Friesische Rechtsquellen, 1840, S. 439; deselde, •Untersuchungen über Friesische Rechtsgeschichte, II, 356, 418; F. Buitenrust Hettema, Bloemlezing der oudfriesche Geschriften, 1890, L 19—21, 90—91; H. Jaekel, Die Grafen von Mittelfriesland aus dem Geschlechte könig Radbods, Gotha, 1895; G. H. M. Delprat, Over den voorgenomen doop van den Frieschen koning Radbod door Wulfram, yn Nijhoffs Bijdragen, II, 235; W. Moll, Kerkgesch. I, 129; W. Levison, Neues Archiv f. altere deutsche geschichte; XXV; Schweckendick, Koning Karei und Radbod, yn Fisia, 1843, no. 46; R. C. Römer, Radbod yn Tijdschr. tot aanmoediging v. schoone kunsten, 1853, 2; N. Westendorp, Over den voorgenomen doop van Koning R. yn Verhandel, v. h. Kon. Ned. Instituut, 2e kl. VI, 139; A. Winkler Prins, Radbout de eerste en sijne afkeerigheid van het Christendom beschouwd als de vertegenwoordiger van het Fr. volk, yn Vrije Fries, v. 97; O. Isriczek, Die deutsche Heldensage, Leipzig 1908, C. Woebcken, die Heimat der Oudrunsage, yn Zeitschr. Niedersachsen, XXVII, no. 23; deselde, Jever im Gudrunlied yn Mitt. der Jeverl. Altertums enz. II; Droege, zur Geschichte der Kudrun, in Zeitschr. f. Deutsches Altertum ensfh, LIV, 1913; G. Postma, In eabele foarst, Radbod, yn Forjit my net, 1874; M. Miedema, Kening Radbods ütein yn Sljucht en Rjucht, 1901, 38—40; H. Paul, Grundriss der Germanischen Philologie, Friesische Litera^tur, von Theodor Siebs, II, 541. BERNLEF DE Karolingen yn boun mei de Roamsk-Angelsaksyske sinding woene üs affaers bikeare fen hjar natuerleauwe, fen hjar fron-eker, fen hjar net to sêdzjen toarst nei ear, ta it Godslaem-leauwe, ta de Wet fen Sinaï, ta de hillige sakraminten en de formoedsoening fen Kristus. Dit röp yn in koel, heechhertich folts as it Fryske, flelings wekker fen grammoedich forset, driften sa füleindich en ündimber, det hja in heap boeren, skippers en keapljue omskoepen ta in folts fen lieuwen en heiten. It is net tofolle sein, as men it Frankyske twangjok it wirktüch neamt, dat it Friezenfolts mei ien stomp brocht oan it front fen alle Germanestammen. In ieu lang gie de striid yn brede weagens op en del. Karei Martel oermastere troch de slach op 'e Middelsé yn 734 Easter- en Westergoa, mar hwet hie er oan in lan, dat ien wetter, allegearre wetter wier, en dêr't de Friezedelsettings as eilannen üttilden? Dokkum waerd it müntsene sindings-formidden, mar by Bonifacius' dea wier Fryslan for it greatste part yette heidensk. Op it sté, dêr't de Friezen-apostel de palmtüke fen it martlerskip woun, kaem Willehad üt 'e Alcuin-skoalle fen Northumberlan. Hy hie heard, de Friezen en Saksen, oant nou ta ünleauwich, bigounen to freegjen nei de „hillige mystériën." Do sloech er de han oan it krüsfindel en bisocht it to plantsjen earst twisken Fly en Lauwers, letter yn Wigmodesgoa oan 'e Wezer-iggen by Bremen. De Saksen kamen ek oan bar. Karlmanje forinnewearre yn 772 hjar hillige stéën: de Eresboarch oan 'e Diemei en de hege Irminpylder. Füf jier neitiid koe er it Sakselan as sines biskögje en yn Paderborn de earste ryks-gearkomste halde. Mar ien man üntbriek. Hwet Redbad wier for 'e Friezen, wier Widukind for 'e Saksen. Hy brocht beide foltsen yn 'e wapens. Willehad moast Bremen forlitte (780). Mar twa jier neitiid stried Widukind de léste, wanhopige striid. Karei dompe de opstan yn it bloed fen fjouwer tüzen ünthalze Saksen. En do't er wer op 'e Eresboarch triomfearre, lei hjar moedige oanfierder de holle yn 'e skette en liet him dope. Dizze hirde, öfwikseljende striid sloech de djipste snaren fen de folkssiele. Noch eltse greate ieu iepene de doar for syn dichters. It leauwen, it hoopjen op 'e delslach fen de oerdwealske fijan, en de langstme nei de frijheid helle allegearre fjür üt it Germanemoed. De dichtfaem üntwekke yn it liverei fen 'e tiid dêr't hja yn sykhelle. De epyske poëzije waerd berne. De man, dy't dat fen hiel tichteby waernommen hat, wier de kerstenfries Liudger, de lettere organisator fen 'e Fryske tsjerke. As ea efte jimmer in sindling nei de eask fen syn tiid tarist is for syn taek, den wier hy it. Syn alden Thiatgrim en Liafburch — hokker hearlike Fryske nammen! — lieten him studearje op de kathedrale skoalle to Utert ünder lieding fen abt Gregorius. Dizze liet him wer heger opgean nei de Benediktiner abdij York yn Ingelan, dêr't Alcuin, de lettere ünderwysminister fen keizer Karei, him ünderrjuchte. Dêrop reizge er nei Rome, „de ivige stêd en einlings haldde er Llut}ger as biskop foech trije jier ta op de Monte Cas- Mlnlatuer üt 'e 12e ieu. sino, it berchkleaster fen Sint Benedik- tus, „de Jeropeeske Sinaï." Do lei Karlmanje bislach op de heechsteande Fryske edeling-prêster en birop him ta missionaris for de fiif Easter-Lauwerske goën Hugmerchi, Hunusgoa, Fivelgoa, Emisgoa en Federitgoa, mei Dokkum as stasyon. (785). Nei Angelsaksyske trant bireizge er dizze kontreijen, biselskippe fen syn learfeinten. Altfridus, syn biograef, forhellet: „Do't Liudger op syn preekreis troch Fryslan yn it doarp Helwerd (by Uskwerd) komd wier, noege in eale frou, mei namme Mensuit, him yn hjar hüs to gast. En sjuch, do't hy dêr mei syn learfeinten oan tafel siet, waerd him foarsteld in bline, in sikere Bernlef, dy't heech oanskreaun stie by it geafolk om't er tige ynnimmend wier en de affaers hjar dieden en de Keningen' hjar kampen mei sang en snaren goed wist foar to dragen. Mar trije jier oanien wier er mei blinens slein, sadet him gjin sprankel ljocht, seis net it geringste gesicht oerbleau. Do't nou Liudger mei in blier wêzen de bline oansjoen hie frege er him: „W«lle jy net by my bychtsje?" Op syn tawird moast er de oare deis werkomme. Hja metten inoar wylst de Godsman op in hynzer siet. Dizze fette de leije fen Bernlef Syn hynzer, naem him ünder In sterk biwiis fen de epyske fruchtberens, dy't üs folk do noch hie. is wol in meidieling yn 'e Hallumer abtelibbens. Men lést yn it libben fen abt Fretheric (1163—1175), haedstik 31: „Fierder is by him kommen frou Gerthrude fen Driesum, in fromme faem, berne üt alden dy't nei wraldske wirdichheid net fen 'e minsten wierne. Hjar sister hie Easge, in edelman üt Blije ta wiif nommen. Fen dy Easge wierne omkes Easge en Keimpe fen Blije, dappere en romrofte mannen. Easge hawwe de Hezelingamannen deade, neidet hja him yn 'n leage oermastere hiene; mar Keimpe is fallen yn dy formaerde slach, dy't by de Burne (Middelsé) levere is. De dapperens en greatmoedigens fen dizze beide pliigt it folts oant nou ta yn hjar sangen to forhearlikjen." Dit skriuwt abt Sibrandus om it jier 1230 hinne. Fen dy slach by de Middelsé witte wy neat êf, mar hy moat sahwet yn 1H0 pleats hawn ha, sadet dy folks-epen op Easge en Keimpe in ieu yn 'e folts-müle libbe hawwe. Twisken dizze epyk en dy fen it parkemint moat men lykwols wakker ündefskied meitsje en de saek net to romantysk opfetsje. Hwet langer hwet mear docht it bliken, det kultuer en literatuer yn 'e midsieuwen for it greatste part opbloeid binne üt in Latynske skriftlike, tsjerklik-kleasterlike ierde. De aldste monuminten fen 'e Dütske tael, allerlei tsjoen- en seinspreuken, hawwe mear hjar forklearring yn it fen utens ynflerde Kerstendom as yn it folkseigen Germaenske heidendom. De spylman en de folks-s jonger binne hjir net it ien en al. Dêr is ek yette de kleasterling, dy't him delbfigt oer it skriuwark. Dêr is ek de hóf- ef biropdichter, dy't yn 't spier is mei politike bidoeling. Dêr binne seist learden, dy't wolle det it Nibelungeliet üntstien is üt 'e oersetting fen in forl ern Latynsk gedicht Nibelungias, en de Edda scoe in omwirking wêze fen kersten-leginden. De heimsinnige nimbus fen 'e foltspoëzije bigjint frijhwet skimerich to wirden, as men in wirk lést as Les légendes epiques fen Joseph Bédier. Dochs kinne wy net neilitte mei Bernlef en it tsjügenis fen abt Sibrand foar eagen oan Fryske heltedichting to leauwen en oan de Frankysk-kersten-neiwirking ünder üs folts. Binammen de Karolingen hawwe hjar diel dêrfen krige yn 'e alde rjuchts-monuminten. Yn 'e Rüstringer wetten hat men dit rymstikje: Pippi thi kynig And sin sunu thi minra Hy was minra And hi was bettra, Hy stifte and sterde Treuwe and werde. Pippyn de kening En syn soan, de ljeafste, Hy wier de ljeafste En hy wier de béste Hy stifte en stjürde Trou en wierheid. In oar stealtsje üt it foarwird fen it Westerlauwersk lanrjucht (ütjefte Wierdsma-Brantsma, 1782, bl. 13) is dit rymfêrs: Dae sinte Wijlbrord dat land bikeerde, Fresen hij dat leerde, Datse capeden myt guede Datse Koningh Kaerl noem yn synre huede Hoesa da Nordman ontcoeme, Deerom flegen hit to da Herem fan Roeme. Deer eerster deerse dae heerferd bysvoeren, Ende mit him toe Roem foren, Ende da buirch toe stoerden, Dae weren hya des Koninghes Heraenaeten worden. In wiidweidige forhearliking fen Karlemanje's goedginstigens, fen Friezene frijheid en dapperens is in biriming yn 78 rigels fen it ünechte Keizer Karel-privileezje, dat foarkomt yn it Hunsingoaër lanrjucht. Hjir hat men inkelde rigels: De Saksenhartoch Liudingerus woe net mear — sa seit it stik .— Onder 'e keizer stean. Dizze röp de Friezen tsjin him op, dy't in greate oerwinning bifjuchten. Ek makken hja de stêd fen Rome frij. Ut tankberens joech de keizer hjarren frijdom fen alle bilèsting en hearetsjinsten. Fierders sette er it ampt yn fen 'e potestaet, dy't de ridderslach jaen moast. En ta teken fen frijdom moast eltse Fryske strider it kin skeare boppe oan de earen ta. De ynhald fen dizze oarkinde en biriming, dy't in krüspreker yn 1247 fordichte hat, moat net earnstich opnommen wirde; it is wer itselde patroan üt it bünte sagekleed, dat de dichtsjende Thit was to there stunde, Tha thi Kening Kerl riuchte bigunde Tha waster ande there Saxinna merik Liudingerus, en hera fele steric. folkssiele weve hat, lyk as it stik yn 'e Magnuskerren Hoe dae fresen toe fridom koemen. Ek hat it Rudolfsboek (Richthofen, Fr. Rechtsg. 424—434) soartgelikense poëzije üt'e 13e ieu: Nu wil ik fan io sceide thi rike god bihode üs beide tha Fresen nomen orlof ende foren an hiara ain hof ende thi keiser wether ti Rome in syn ain land; thi leide thet kom ti hand and nomen thine keiser antwera ther was een fri boren hera. It is der fier fen óf om to sizzen, det dit dichtwirk allegearre heart ta it gebiet fen 'e epyk, mar wol stiet it Frysk-nasjonale stimpel der danich op. Dy't siket, hat gau in krans fen sokke aldfryske poëzije üt 'e • rjuchtboeken fen üs heitelan gearfrissele. Hja sieret de Fia-eth (boel-eed) mei hjar sinnen en lüden, steatlik as yn it boek fen Moazes, neamd Deuternomium. Ik nim ien sin oer yn nijfrysk: Ik biswar dy by it earste stik klean, dat men dy oanteach, dostü op 'e wrald kaemst, dat is it earste klaed en it léste, datstü hawwe scilst yn 'e oardielsdei foar it antlit fen 'e almachtige God, det it dy den sa helpe mei foar God üs Heare, en detstü it nei de oardielsdei sa drage meist as mids de wrald, do't dyn faren dy nei de tsjerke droegen, en de prêster dy salve en kerstene en de hillige dope bitsjinne; èn by de ljochten dy't hy dy yn 'e han joech, do't de faren dy nei de fonte droegen en de prêster dy de divel binaem en oan üs Heare bifoel. Byhwennearstü komme scilst foar Gods eagen en net hast to jaen noch goud noch silver, mar dy earme siel, dat hja den de divel üntkomme mei en üs Heare ta diel wirde, astü de eed alhiel rjucht swarst en net falsk. Der scoe mear oan to heljen wêze üt 'e Lanrjuchten en de Swarte Swengen, mar it is genöch. Hwet Bilderdyk sei is hjir fen tapassing: „Smyt de tael yn stikken en men fynt poëtysk pün." It giet net oan dit allegearre bleatwei to halden for Frankysk ef Italjaensk liengüd, sa't Heek yn syn Altfriesische Gerichtsverfassung en A. His yn syn Das Strafrecht der Friezen im Mittelalter hawwe wolle. Men kin der wis op wêze, det der oarspronklikheid sit yn it Landriucht dera Fresa — de Fryske Magna Charta (12e ieu). Der is ek oarspronklikheid yn 'e Seendriochta, yn 'e Sauntjin kêsten en yn 'e Fjouwer en tweintich Lanriuchten (11e ieu). Nou riist de fraech, scil de öfbritsen tradysje fen it epyske tiidrek wer fêstlein wirde for 'e noutiid? Bytiden kin it üs wêze, as sieten' wy oan it grêf fen Fryslan en as wier alle greatme en gloarje fen alear forsonken yn 'e moude. Mar den kin ien tinkbyld üs treastgje: de bouns-arke bleau yette yn wêzen. En yn dy bouns-arke leit de dichter syn skyld en wapen, it weefsel fen syn tinzen, de blommen fen syn siel. De tiid scil üs dy arke net üntnimme. De tael fen Fryslan is yette kein en geef. En üt dy tael scil wer riizje it greate, hearlike liet fen üs folts. En dat liet scil to wacht stean mei de wjukken en it lüd fen in aerts-ingel. Stoarmen meije bylje en de himel ierdetsjuster wêze, mar it liet scil him Üntjaen en roungean fen wente ta wente, fen doarp ta doarp, fen stêd ta stêd om de folksienheid en de wiere frijheid to biwirkjen. Sa gyng it yn Poalen, dat ünder 'e foet rekke fen tyrannen, mar dat noch sykhellet en sjongt en in libbene folksienheid ütmakket. Dêr hawwe eposdichters west, dragers fen it béste en ealste dat it folk bisiet, binammen Mickiéwitz (1798—1855), de Lithauske balling, dy't fier fen syn heitelan earst fielde, ho ljeaf er Poalen hie, en dy't bisiele fen omhegens, it nije wird spriek en in nije Poalske letterkinde skoep, de skriuwer fen Boeken fen it Poalske folts en De Poalske pylgrimaezje, in koarte wraldskiednis yn Poalsk-messiaenske geast, forhelle yn bibelstyl; de skriuwer ek fen it epos Pan Tadeusz. Net folie heroën üt de wraldliteratuer hawwe sa'n ynfloed hawn op hjar folts en sa'n forearing foun by hjar folts. Ien fen syn forearders hat him nei syn dea skildere yn in toaniel mei apokalyptyske kleuren: In nacht op sé; de sé yn ünstjür en ol driuwende liken; op 'e weagens in great boat mei in krüs ta mêst en ta seil in doek mei it antlit fen Christus. Yn 'e loft wjukkelje harpijen, erinyen en sirenen. By de mêst stiet Mickiéwitz, in fakkel yn 'e han. Dêr rekket it fartüch yn 'e bran. De roeijers forlieze de moed. Mar hy bliuwt op syn post en sprekt hjarren ta: „Ut 'e dead fen 'e lichems scil berne wirde de Geast, it Wird, de Macht; jimme scille jong wer opstean." In heltedichter as Mickiéwitz is Fryslan weardich. Wy sjugge nei him üt en nei syn liet, mystyk strieljend as in Noarske winternacht, skomjend as de branning fen it Amelanske stran, laitsjend as in jubeljende simmerdei, kleijend as de roerdomp yn üs sompen. De Fryske geast is rikernöch for sa'n liet, likegoed as de Poalske. Harmen Sytstra liet it al omgean yn syn brein. It scil komme op Gods tiid. Sjuch: Pertz, Monumenta Germaniae, script. II, Vita Liudgeri 403—419; Archief v. Nederl. Kerkgesch., II, 222; Fr. Volksalm. 1849, 38; D. A. Stracke, Bernlef, yn Historisch Tijdschrift, 1925; L. Simons, Beowulf, Angelsaksisch volksepos, 1896; J. H. Galleé, Altsachsische Sprachdenkmaler, 1894; H. Paul, Grundriss der Germ. Philologie, Bd. II; F. Buitenrust Hettema, Over oudfriese Letterkunde yn Tijdschr. voor T. en L. 1921; deselde, Groot-Nederland, 1916, I, 619; deselde, Bloemlezing uit Oudfriesche Geschriften, 1890; K. v. Richthofen, Friesische Rechtsquellen, 1840; E. Wadstein, Friesische Lehnwörter im Nordischen, 1924; deselde, Norden och Vast-Europa, Stockholm, 1925. ALWIN HWET binne fiif ieuwen yn it libben fen in folts as uzes? Hja rüzje yen foarby lyk in nachttwierre. En dochs om Alwin to forstean, om to fetsjen, ho üs folts üt 'e patriarchale widze him üntjoech ta in kultuerfolts fen 'e earste rang, mei in eigen rjuchts-literatuer, sa't gjin oare Germaenske stam yn Jerope hat, mei in skat fen rymkroniken en oare proazastikken yn 'e nasjonale sprake, moat de skiednis üs liedsfrou wêze. Fryslan waerd woun for it kerstenleauwe. Net willich, — de Fryske nekke kin min bügje ■— mar do't it de greate woldied ienris hie, koestere it dy mei ynlike ljeafde, üt djippe achting. It iepene einleaze herten, it joech in iepenbiering fen nij libben, hwent it spoun tüzen triedden oan de iene, hillige, miene katholike tsjerke. En de tsjerke brocht Christus as Forlosser yn wird en sakremint. Hja brocht de Hillige Skriften en de mysteriën fen Triniteit, Ynkarnaesje en Eucharisty. Hja brocht de Wet fen Sinaï en de geboaden fen 'e Berchrede. Hja brocht it Godshüs, it kleaster, de Gregoriaenske sang en de klokken, dy't hjar steatlik lüd oerrikke fen it iene gea nei it oare. Fryslan waerd ynskeakele yn it ryk fen Karlmanje, de monark, dêr't men fen forhelle, hy koe üt syn paleis to Aken it skynber forhoalene sjen, de David for 'e tsjerke, de Qnforlikelike soldaet, ekonoom, opfieder, dy't de ünderbou lei fen in Kersten-Jerope, büten hwa men de üntjowing fen it Kerstendom net tinke kin. Gjin foarst hawwe de Friezen heechliker foreare. Hja forhearliken him yn hjar wetten as de ivige wetjower en biskermer. Hy stiet öfbylde op it segel fen Frjentsjer, Rustringen, Wursingen en Sagelterlan. In fresco yn 'e A-tsjerke to Grins hat ta opskrift: „Karei de Greate hat Fryslan mei in ünweardearbere frijheid bijeftige" (Ao. 1250). In oarkonde waerd opmakke yn 'e Fryske tael, dy't syn greate dieden yn 'e Saksenkriich ütmiet (Ao. 1247). De hiele Karolingyske renaissance kaem to stean yn it ljocht fen gouden saga's en oantinkens. Men spriek do noch net fen grietenijen, mar fen f e r d e n (Westergoa, Burdego, Suthergo, Wynenze). De alde erfadel wier ütstoarn en romme syn plak yn for de nije bisit-adel. Frijen en edelljue hienen deselde rjuchten en plichten. Elts bitelle syn fredepeinje en hüslotha oan foarst ef frana „bi aesega doeme end bi lioeda londriucht, en dy peinje schil alsa wichtich wesa, dat ma hem moge heare klinke yn in lewijn (= bekken) oer nigen fecke huses." Op „Remigiusdei" (1 Okt.) gie de frana roun, haldde syn skyld op, dêr't de peinje yn klinke moast. En it scoe — neffens in lettere saga — wer de greate Karei west hawwe, dy't de Friezen fen dy „klipskild" üntsloech, do't er hjarren fen it Noarmannene jok forlosse. Ta krüchtsjinst wier elkenien, dy't groun hie, forplichte, en dêr wier de hirde Friés net fij fen. Yn de XHIe ieu hat de Ingelske münts Bartholoméus yn syn De proprietatibus rerum it noch oer „it wylde Friezene folts, wend oan 'e wapens, ünforfeard." Men folge lykwols net oeral de foarstene hearban, mar West ta it Fly, East ta de Wezer en Süd net fierder as men mei eb üt en mei floed tobek koe om de igge daegliks to hoedzjen •tsjin de salte sé en de wylde Noarman „ief üs God helpa wili." Op in fresco yn 'e dom to Munster steane hja mei reabrune skylden. En den wier dêr de tingplicht. Trijeris yn it jier waerd yn eltse ferd rjuchtdei halden. Sünder wetlike reden mocht de frije Fries dêr net mankearje. Hied er de boade net hawn, wier er siik, hie syn fijan him „met wig end met wepene" yn 'e wei stien, wierne waer en wyn him tsjin, det er dykje moast „tsjin 'e sSlte sé en it wylde hef," den hie er fjouwer needskinen om wei to bliuwen. De frana (= minister domini; letter de skelta, noch letter de grytman) hie de foarsit, nést him siet de aesega (= wet■sizzer), alear prêster. De aesaga is kard troch it folts, hy docht de ied oan 'e Roamske keizer ef oan de Dütske kening. Hy moat de lanrjuchten, de kerren en kêsten, it Pater noster en it Credo kenne. Hy hat to dielen en to doemen: fijannen en frjeonen, alle widdowen en wezen, en alle warleaze ljue to helpen as syn eigen slachte. Dêromhinne sit as tsjüge it gearkommen folts (= de liud wurpen warve). Letter hie men toalf iedhelpers. It ting bih&nlet strafsaken en ek oar skeel. Elts koe frij kleije en frij him fordigenje. Bi nammen kearde men ünrjuchtmiettich lanbisit. Dêr koe men frij de tsjerke op oansprekke, en dy hie den hjar rjucht to staevjen mei saun tsjügen. By swiere wanbidriuwen swarde men op de reliken der hilligen. Sa'n ting haldde men yn it haeddoarp fen 'e ferde. Der wier yette frijhwet mien bisit (hemrik =ï hem-mark, letter mienskar). De Fries wier yn haedsaek féboer. Foar tüzen jier gie al de tsjerne. En net minder it weeftou. Yn de tsjerke ef kapelle mei hjar stiennen alter, mei hjar tsjelken en kandlers, mei hjar misboek fen perkemint en hjar forwielen kazufel, die de jongerprêster tsjinst. Elts heechtiid hie er to boadskipjen de kreupelen en blinen, de siiken en wounen, det er hjarren jerne brocht de hosty, de bycht en de salving. Wier er yn it wetterlan, den moast er in skip hawwe om troch it gea to farren; yn 'e Walden moast de hynst klear stean. De Friezen hiene boaske prêsters, al wier it boask net tsjerklik biklonken. En dat bleau sa, lang nei it ynfleren fen it coelibaet (Ao. 1074). Dit Fryslan fen 'e Brunonen, de foarsten fen Brunswyk üt 'e Xle ieu, koe tobeksjend sizze mei de psalmist: „Jo hawwe üs hifke, o God. üs smolten, sa't men sulwer smelt, üs bandige, in lést üs op 'e heup lein, minsken oer üs holle ride litten, wy moasten troch fjür en wetter, mar Jo hawwe üs yn 'e romte brocht." As in kloft bünte fügels kamen de ranke, wynrêdde Wikingskippen opdükjen üt 'e sé, en de farrensmannen flammen op aventür, op büt, op eare. Hja longeren nei fonkeljend goud, nei glanzjende harnassen, nei swiere spanjen en dreaune helmen, mar hja wisten ek hwet de dichter fen 'e Havamol seit: Rykdom forgiet, Sibben forstjerre, Seis stjerstu ek, Mar eare en rom Stjerre nea net For hwa hjar wit to winnen. Rykdom forgiet, Sibben forstjerre, Seis stjerstu ek. Ik wit hwet Dat nea net stjert It oardiel oer eltse deade. Men moat de Heimskringla, de Yslanske keningssaga fen Snorri Sturluson, léze om it Wikingwêzen to forstean, en ho't hja in Frysk doarp, dat yn 'e sliep laei oan 'e kust, bistokelen. It lan laei krekt Bodders yn 'e Fryske Striid 4 sa igael as nou, deselde sleatten, deselde finnen, deselde batten. Dêr gie it plonderjendewei oerhinne. Mar wy wolle üs net blyn sjen op dit piratebidriuw. De Noarman wier net minder, ek net better as Frank ef Fries. Hy hat syn spoar hjir neilitten. Kening Rorik syn hearskippij, dy't keizer Lotharius machtleas üt syn paleis oansjen moast (846). is in wichtich haedstik yn üs skiednis, dêr't gjin lanrjucht, gjin kronyk, gjin sagaboek fen swijt. Hat men Dorestêd gjin „Frysk Normandië" neamd? En dêr binjunken stiet de „Fryske Vendée," it lan binoarden Kinhem: Drechterlên en omkriten, dêr't trije ieuwen om fjuchte is. Dat die de Hollanske expansy. Mei it kleaster Egmond ta bolwirk teach de erffijan jimmer op 'e nij oer it Reker wad om West-Fryslan en sa mülk ek Mid-Fryslan yn to palmjen. De miede fen Winkel, de sompen fen Heechwald en de Starumer finne kinne yette tsjügje, ho djür in Fries syn frijheid bitelje lit. De Hollanske machthonger hat trije greven it libben koste. Yn 1289 hildigen de Drechter Friezen greve Floris V, mar mei forkroppe woede, en haet sprekt üt Floris' skriuwen oan kening Eduard fen Ingelan: „Ik haw mei Gods help myn deadsfijannen, de Friezen, oermastere yn fjouwer slaggen en it lyk fen myn heit weromhelle, hwet ik boppe alle dingen winske." West-Fryslan waerd nou forhollandere. Hoarn, Medemblik, Enkhuzen, Saendam foroaren yn Hollanske stêdden, mar de Fryske tradysjes wierne net to smoaren, yn gjin ieuwen. Dirk Burger van Schoorel yn syn kronyk fen Medemblik en Schagen (1710), en Hendrik Jacobsz Soeteboom yn syn Oudheden van Zaanland, Stavoren, Vronen en Waterland (1701), prate as Friezen oer 'e aldfryske tastannen, en fiele hjar yette ien mei de ald honk. Ek de tael haldde him yette lang steande yn it wetterlan fen NoardHollan. Roemer Visscher hellet yn syn Sinnepoppen (158) it Frysk sprekwird oan: „Hy leut, die 't leut, ick en leut naet." Dat wier yn 1614. En de Skager notaris Dirk Adriaansz Valcoogh seit yn syn Chronycke van Leeuwenhorn: Dat noch huydens daechs alsoo wert ghesproken Half Vries, half Enghels by woorden ghebroken. Dat wier yn 1599. Om 1600 hinne waerd bygefolch yn 'e Skager kontreijen in griemmank fen Frysk en Ingelsk spritsen. Wy biskögje den ek de geniale Jan Adriaensz Leeghwater, dy't yn 1575 to wrald kaem yn 'e Ryp, de man dy't Beemster en Purmer, Wormer en Skermer droechlaei (1608—'35) en dy't it Haerlemmermeer-Boeck skreau, dat sauntjin op¬ lagen bihbbe. as ien fen üs lansljue. As men syn skriften lést, leart men him kennen as in dreech Frysk Mennist. In djippe spjalt wier dos slein twisken Hollanner en Fries. Yn 1327 wegeren de Boalserters in rektor fen 'e tsjerke, dy't de biskop fen Utert hjar stjürde, oan to nimmen. En dy haet kaem ieuwenlang ta utering yn 'e skriftekennisse. Gjin wird fen wirdearring heart men, wol lüden fen warsin. Melis Stoke, de klerk en skiedskriuwer oan 'e kanselderij fen 'e Hollanske greven seit yn syn Rymkronyk planüt: FryslSn flokt greve Florens (rigel 34). In Fries is tor mm it ynDigryp fen dommens. Redbad neamt er Gods fijan. As de Friezen büge moatte yn 1288 foar syn hear, den geit er it üt fen nocht: Nu sijn de Vresen so verre comen Dat si mosten an haren danc Singen enen niwen sanc De si met herten niet en gheren, Si moesten hulden ende zweren Den grave, ende onderdanich wezen. IV, 524. Tltelprint üt de Chronyk van Medemblik en Schagen fen Dirk Burger van Schoorel. Amst. 1710. Hy hat sa it grau op hjarren, det er fij is fen yette mear to skriuwen. „Hier endt op die Vriesen mijn scelden" ropt er en set dêrmei stop (rigel 777). Jacob van Maerlant jowt net minder raer güd op. Yn syn Spieghel Historiael (IV, 6, 18) hat er it oer „dy smoarge Friezen," cn as er it Friezene pri- «I \ ,* 11 r>f> 71 o hinraor cr\roL-f haet üt syn wirden (III, 8, 93). Yn de Wapene Martijn jowt er hjarren ek in feech, as hjar trou sa bros hjit as glês. For de Hollanske dichter Willem van Hildegaersberch binne de Friezen „ruut van aerde" (3, 180). De „clerc uten lagen landen" skimpt yn syn kronyk op de Fryske hounen. En as yn in hanskrift fen de Vos Reinaerde (r. 2639) ef fen Die Dietsche Doctrinale (r. 723), it wird „ries" (— dwaes) foarkaem, den koe in Hollanske öfskriuwer net neilitte der „Fries" fen to meitsjen, en waerd dizze wer it bern fen 'e rekken. Ut dy swolm kaem in bulte kwea, mar ek dit goed, det de Fries mear sinde op eigen aerd en wêzen. Ho mear it frjemde him oanseach, nammensto mear joech er him rekkenskip fen himsels en sloech er dêr mint üt for it heitelan. Sa wier der al yn keizer Kareis tiden in Frysk pylgerhiem yn Titelprint üt Oudheden van Zaanland, Stavoren, Vronen en Waterland fen Hendrik Soeteboom Amst. 1702 Rome. De glans fen 'e Sint Piters-tsjerke, de grêven fen 'e hillige apostels, it steapelplak fen boeken en reliken loek tüzenen beafeartgongers nei it „aeterna Roma." Do't paus Leo III de 29e Nov. 799 de stêd ynteach nei in bisiik oan Karlmagne, helle in Friezen- koloanje yn steatlike optocht him mei yn. Hja hienen der in eigen tsjerke. dy't wijd wier oan Sint Michaël, de draekdeader, en in hospitium, dêr't hjar lansljue herberch founen. Yn dy tsjerke rêstte it biente fen 'e hillige Magnus, in biskop en martler ünder keizer Decius. Hja scil ek wol rjuchtlike brieven hawn hawwe fen paus en keizer. En üt dy inkele goudtfiedden spounen de Fryske pylgers, dy't wer nei it heitelan teagen, de forneamde Magnussaga. Magnus waerd yn hjar forbylding de greate findeldrager fen hjar folts, de man fen de saun Magnuskerren, dy't de oarkinde fen de saun ker- ^H\GNVS FORT E MAN PRIMVS PO T£ S TATVM • Ut Winsemius Chronique, fol. 88. ren, de sauntjin kesten, de fjouwer-en-tweintich lanrjuchten en de seis-en-tritich seendrjuchten fen Rome nei Fryslan brocht en yn 'e Michaëlsdom fen Almenum dellein hie. Oan him wijden de Eastfriezen de tsjerke fen Esens, syn byld waerd snien op it segel fen Wünseradiel (1270). Hy wirdt forhearlike yn it 15e ieuske rymstik Hoe dae Fresen toe fridom koemen (Sjuch De Vrije Fries, I, 263—276), yn Die alde Freesche cronike, en yn alle müglike oare kroniken. In yette riker sagakrans waerd frissele üt it eareblomte fen 'e krüstochten. '„God wol it!", dy rop weage ek troch Friezene herten. It ideael fen paus Urbanus en it wird fen magister Olivier om it Easten to meitsjen ta in godsstêd brocht oan dizze Noardséiggen slomjende krêften ta.üntweitsing. Palestina! Dy namme klonk as muzyk yn 'e harkjende earen. En noch foar en alear men ien Saraseen sjoen hie, bistoarme yen al in sé fen nije ynprintsels. Op it sammelplak trof de Fryske krüsfarder Franske ridders, Swabyske boeren, Venetiaensk séfolk, elts mei syn eigen sprake en tinkwize. En wer fielde men sterk it eigene, mar ek krige men oandrift om net minder to wêzen as oaren yn kennen en kinnen. Dat brocht de Fryske kultuer op -breder grounslach en de skriftekennisse op heger foetten. Men forhearlike yn proaza en poëzije de heltedieden fen eigen lansljue by Lissabon, Ptolemaïs en Damiate. Sa üntstie Der Vriezen Legende, de Klaerkampster kleas ter kronyk (1214—48), dy't de krüspredekaesje forhellet fen magister Olivier to Dokkum (1214), de dieden fen Popte, dy't Lissabon mei oer» mastere, en fen Lammert üt Tjaryp ensfh. Allegearre dingen, dy't wer forarbeide binne yn 'e Gesta Fresonum (de Fryske oersetting fen 'e Gesta Frisiorum) üt de XVe ieu. Sa üntstie ek it lytse Fryske kronyk je dêr't men yn lést: „Minne, dy was bern yn Westerghe, dy foerde dy wimpel to Aken, doe dat wier nomen, en dy waerd daedschetten en dy Friesen woennen Aken mey de keiser Wilhelmus" (1248). Fen de heechste bitsjutting for de Frysk-middelieuske skriftekennisse is ek de opkomst fen it stêdswêzen. It dürre ieuwen foardet it er wier, den lykwols is it er skynber ünforhoeds. Yn 'e 12e en 13e ieu kriget it Fryske stêdswêzen fêster foarm. It wird „boargers" komt foar. Stêdspriveleezjes wirde jown. Yn Dokkum, Starum, Ljouwert, Boarn, Boalsert, Winsum, Garrelswear wirdt mint slein, dy't de hiele wrald trochgiet, oan Rusland en Byzantium ta. Ut it merkerjucht üntstiet it stêdsrjucht. Dat fen Starum is üt 1118. Dizze alde Fryske stêd kriget nou in eigen frede en selsbistjür. De rjuchtlike twakamp en it woastrjucht wirde ófskaft. Ek komt it gildewêzen op en de Hanse, de rike broerskippen fen rike keapljue, dy't greathannel driuwe yn fé en lekken troch hiel Jerope. Fryslan die saken en de 1 le en 12e ieu waerden ieuwen fen Fryske Segel fen Starum. 1456. rykdom. Klaeid „nei Fryske menear" bitsjut fortoan, optuge to wêzen mei girls en gaspen, heaken en spangen, allegearre fen sulwer. Sok sieraed hat men seis foun yn Poalen (Vr. Fries VI, 5) dêr't de Fries hannel op dreau. En dizze hanneUljue lieten net mei hjarren boartsje. Hja woene witte hwet er stie yn 'e perkeminten stikken, dêr't it segel fen hjar stêd oan kaem to hing jen. It skriuwen hie oant nou ta altiten Latyn west. Dat wier de Romaenske ynfloed. Mar nou waerd de tael fen it brieveforkear en fen it rjucht Frysk. Dêr üntstie yn 'e folkseigen sprake in rjuchtsliteratuer, sa't hast gjin folts yn Jerope hat. Earst kamen de lan-, merke-, seend- en stêdsrjuchten oan bar. Letter folgen de private charters. De biweging kaem op üt it Suden, it Flaemske lan gie foarop, do folge Hollan en Fryslan kaem sa'n ieu efteroan. De earste oarkinden yn it Frysk binne sahwet fen 1370, en dat dürret sa troch oant 1540 ta. Do waerd de offisiéle tael Hollanske kanselderijtael. Sünder dit skiedforrin acht to slaen, is it fülbandich nasjonalistysk wirk fen master Alwin net to forstean. Hy wier in leard man, tük yn Romeinsk rjucht en yn tsjerklike skiedboeken. Grif hie er de magister-titel oan in bütenlanske akadeemje bihelle. Suffridus Petri seit yn syn De scriptoribus Frisiae, (dec. 8, cap. 3), det hy rektor fen 'e Snitser skoalle en letter stêdsskriuwer wier om it jier 1400 hinne. De Fryske tins stiek syn hert oan ta in bran. Syn heitelan hie it to kwea mei hertoch Albrecht fen Beijeren, greve fen Hollan (1396—1402). By it ljocht fen 'e oarlochslöge seach er syn folts as in oard godsfolk en dreamde er syn chiliastyske dream fen in Frysk imperium. Foar in Frysk keizer, yn Rome kard, scoe ienris de hiele wrald hjar büge. De Antichrist scoe forskine en syn boaden oeral hinne stjüre, mar Fryslan scoe syn ünderdien net wirde. Yn ien wird, de takomst-forwachting stegere hjir mei sterke hertstocht ta apokalyptyske fysioenen. As men djip by Alwin graeft, stjit men op in great leauwe oan in nij Fryslan. Lit de Satan raze en Fryslan skynber ündergean, de Fryske frijdom scil wêze oant yn ivichheid. Segel fen Harns. 1496. Sa sjongt Alwin it gloria, en hy hellet syn wapens üt it arsenael fen stoarje en saga om syn heitelan moed yn to sprekken. Hy bigjint by it bigjin en einet mei it ein. Fryslan sjucht er omsletten fen 'e ivige God mei de skepping en herskepping as poalen. It wier do yette de tiid fen hwet men neame kin de WrSldkroniken. Alwin roun yn it spoar fen Adam Bremensis en Saxo Grammaticus, dy't ek bigounen, krekt as de Bi bel, mei de skepping fen himel en ierde. Fierders bifounen hja in ienheid fen oarsprong yn 'e oerleveringen fen 'e aldste keningen. It sizzen wier, det hja fen Trojaenske heiten ófstammen. Men naem dy oerleveringen mei golle han oer, wylst men forban - socht Segel fen Frentsjer. 1313. twisken de skiednis fen 'e ünderskate foltsen. Seis de meast krityske skiedskriuwer üt dy dagen kaem der net licht ta om dy oerleveringen as ünwier oan 'e kant to setten. Men docht den ek ünrjucht as men Alwin op groun dêrfen de namme fen wittenskiplik man ünthalde wol. Ubbo Emmius giet dy kant op. Hy makket Alwin for alles hwet raer is üt. Mar dat laei oan in misbigryp. Emmius seach yn Alwin in gewoan skiedskriuwer, mar dat wier er net. Hy wier in saga-kronist mei epyske sin, in from striaer lor e rrysice injneia. oie emmius dat fette, den scoe er Thet Fryske Riim gjin prulding neamd hawwe. En Siebs scoe it yn syn Geschichte der Friesischen Literatur, bl. 533 allikemin dien hawwe. Nou hat Suffridus Petrus oan dat misbegryp in bulte skild. Hy forhearlike Alwin as stoarjeskriuwer, dy't syn stoffe helle üt alderseldsumste boarnen, lyk as Patroklus en Megasthenes, mar de wierheit is, det de skriften fen dizze' historici forlern binne ef nea net bistien hawwe. Sa brocht Suffridus Alwin Ünder fortinking fen knoeijerij. En Ubbo dy't dat as goed klassikus daelk yn 'e lampe hie, skerpe dêr syn puntichste wapens tsjin. Segel fen Wünseradiel. 1270. Wy, dy't de dope ündergien ha fen 'e romantyk en better ynsjuch ha yn it forban twisken saga en histoarje, twisken ridderpoëzije en helteliet, oardielje der hiel oars oer. Alwin, yn sté fen him to hünjen as apokryf skiedskriuwer, kriget fen üs de eare as de iennige Fries yn syn tiid, dêr't de loge fen it epos yn ljochte. Alhowol de tsjerke mei it Latyn in bulte nasjonael libben smoarde en de neiwirking fen it oergermaenske tsjinkearde, draecht it wirk fen Alwin in suver Frysk nasjonael stimpel. De Fries is net ündergien yn de Katholyk mei syn leare fen hel en fagefjür, fen 'e saun sakreminten en Roomske hierarchy. Hy makket de Fryske saga en histoarje ta in toaniel fen himelske en satanyske ynfloeden en dochs sykhellet men yn Germaenske loft en net yn wijreek. Scil ik Thet Friiske Riim in Kerstenfrysk nasjonael epos neame ? Licht slaen ik it dêrmei to heech oan. En dochs wit ik gjin better namme, al jow ik dalik ta, det it net helje kin by Edda ef Kalewala, Beowulf ef Rolantsliet. It Frysk Genoatskip hat de eare dit stik epyk yn boekformaet mei de Gesta Frisonum foar it ljocht brocht to hawwen (1852). It wier de ynset fen hjar publikaesjes. De biwirking mei oanteikenings kaem fen E. Epkema, de gnappe Gysbertkenner, syn han. Letter (1853) joech Dr. J. G. Ottema yn 'e wirken fen it Genoatskip, it Tractatus Alvini, dat skreaun is yn it Hollansk en yn nau forban stiet mei Thet Friiske Riim. De oanrin dêrfen (465 rigels), mist men yn it Traktaet, mar oars is de ynhald fen it Traktaet folie wüdweidiger en bistiet üt proaza en poëzije. It is de biwirking fen in boek: De Prophetissa en fen it Rym fen 'e Fryske ethelingen (= Thet Friiske Riim) lyk as oan 'e ein forhelle wirdt. It bislüt mei de winsk: Wolden sie doch redelicke leven, Soe en dorsten sie ghien meer eyghendomes pleghen. Aldus sprac Alwyn Die Meyster, in den boecke syn, Dat wy sullen des morgens, mit gueder trouwe, Sewen werwe grueten onze Lieve Hemelsche Vrouwe, Dat sie voer ons wil bidden an haeren enighen Kynde Dat Hy ons wil laten beholden, onsen vrydoem sondereynde — Amen. Dr. Ottema eanet, det Thet Friiske Riim en de Gesta Fresonum proeven fen taelstüdzjes binne fen Simon Gabbema, in fabrikaet, dat er syn frjeon Franciscus Junius for êlde wichtige dokuminten yn 'e hannen stoppe hawwe scoe. Ik wol hjir neat fen leauwe. Troch de tael to forlykjen is it my düdlik wirden, det dêr gjin sprake fen wêze kin. Gabbema koe to goed Frysk om sok forbastere Frysk to leverjen as dizze skriften eigen is. Ik set hjir inkelde wirden nést inoar om it forskil to sjen twisken Thet Friiske Riim en Gesta Fresonum. Thet Fr. R.: [ Gesta Fres. boren barren kerka tzerka unharsin onharsam heliga helgha and én saen sawen tha dae hadde hie dach dei De Gesta Fresonum winne it fen Thet Friiske Riim hwet Frysk taeleigen oanbilanget, mar by beide is de sterke ynfloed fen Hollan en fen 'e stêd waer to nimmen, sa't bliken docht üt wirden as feder (heit), nakend (neaken), kin den (bern). It Frysk komt üt yn bithioed (bitsjut), wralde (wrald), kas (keas), lawa (lieu), nioghen (njuggen) ensfh. Oer it forban twisken Thet Friiske Riim en it Traktaet scil net gau it léste wird sein wirde. It earste bigjint: Ik sculde sega, of ic cude, Ho di fridom aerst bigude, Tha thio werrild erst dede ingaen, And thio other dede ingaen, Aldus biscriuwt Alwyn Thi Master, in tha boke syn. Men scoe sa oerflakkich sizze, dit kin net fen Alwin seis wêze. mar men moat wol yn it each halde, det dotiids de dichters wol oer hjarsels sprieken yn 'e tredde persoan, lyk as Willem fen Hildegaersberch. Ek kin men to dwaen hawwe mei in omwirking fen it Frysk, sa't men üt 'e rymwirden sims opmeitsje kin. Sa't Dr. Ottema mient is Thet Friiske Riim in oersetting fen it Traktaet. Dat liket frjemd, hwent it Traktaet bigjint: „Nu wil ic anfaten dat Vriske Rym, in Dutsche omme gheset." Hjir scoe men sizze, is Thet Friiske Riim it oarspronkelike. x ij 11 u>.v<. ^---v., » - - ~ - — — De ütwreiding fen it Traktaet wiist ek dy kant üt. Der bliuwe lykwols yette alderlei fragen oer. Sa forhellet Suffridus Petrus, det Alwin florearre om 1400 hinne, mar rigel 1482 seit, I det der twa en sauntich keizers fen it EastRomeinske Ryk west ha en det de léste Constantinus wier, dy't yn 1453 by it bilech fen Constantinopel sneuvele. It moat dos nei dy tiid skreaun wêze, sa't ek mei de tael Segel fen Wünseradiel. strykt. De hjoeddeiske redaksje moat men den ek biskögje as in lettere omwirking fen Alwin syn wirk, formeardere mei taheakken. It is hjir gjin plak om der wiidweidich op yn to gean. In Fryske doktorandus yn 'e letteren moat syn lodde mar ris sette yn 'e groun fen dizze alde kroniken en dêr goud ütdolle ta bate fen 'e Fryske filology. Lit my nou mei inkelde brede pinsielstreken de ynhald fen Thet Friiske Riim werjaen. Noach timmere yn 'e bosk de arke ta syn libbensbihald. In ingel hie him it geheim bikend makke, der scoe in sündfloed komme. It wiif forklapte de tynge oan 'e divel en dizze skansearre de arke. Noach wier forslein, mar de ingel treastte him, draeide de arke om en sei: „Doch jo krektenallyk, den is de domme divel der mei oan." Op 'e greate dei mochten alle bisten yn 'e arke, op 'e slang nei. Mar dy wist der dochs yn to glüpen. Noach sei, om de arke to hoedzjen, hy moast derüt, ündertroch. „Né," sei de divel, „boppe üt." Mar Noach krige syn sin, lykwols de arke rekke noch rampoai. De floed sette it fartüch boppe de bergen, oant it fêstrekke op 'e Ararat. Tha her Noe thet fornom Thet thio arke stille stoed, Thet finster hi ontsloch And leet thine roech wt flian. Thi roech dede als manich ontrow man: Naet weer hi to sine hera com, Tha leet hi tha duwe wt flian Thio duwa dede als een trou man; Weder hio to her hera com, And brochte him een groen laf, Thet hyt mochte onsian Thet thio plaghe roere forgan. Nei de floed plante Noach in wyngert, naem fen 'e wyn en slomme yn. Do seach er oan 'e himel trije stjêrren stean, dy't in kroan droegen. Ien fen 'e trije waerd delslein en tsjinstber makke oan 'e twa. De earste stjêr bitsjutte Sem, de earste frijberne man. de earste kening. Hy hie in fane yn 'e han, wyt as in swan en bimiele mei in lieu sünder ban. Hy foer nei Azië en waerd stamfaer fen 'e Friezen. De Friezen risten tsjien skippen üt en gyngen mei de fane en mei in karbonkelstiennen kroan ünder seil. Trije skippen foeren nei Hybernia. De kening fen it lan frege hwer't hja weikamen. Hja seine: „Ut Azië, fen Sem, wy binne frijberne ljue." Do mochten hja dêr wenje, salang de wrald stie. Nu horad, ho thit land is dan in der fere: Om thet ene fiarndel geed thet windelmere, And thet other thi franasee meide, And thet tredde thio engeheide, And thet fiarde is mit bamum alom bifan, Ther nimmer meer ne folk kan gan. Saun skippen teagen nei Iems-lan, dêr't de bimanning him deljoech. Troch forlied fen 'e divel fregen hja kening Redbad fen Denemarken om in stéhalder. Hy stelde syn swager Johan oan, dy't syn wenplak keas yn Gronenberch. Dêr hjitte er de Friezen, hja scoene fen hjar God öfgean. Nei in healjier sloegen hja him dea, smieten it lyk yn 'e Dronhöfmar en stjürden it wiif nei Denemarken. Redbad woe nou de Friezen öfstraffe, mar dat nolke syn ljue net. It wiif krige lykwols in soan, dy't yn ien jier mear dijde as in oar yn fjouwer. Do't er fyftjin jier wier, sloech er in tninske sa mar mei de füst kroandea. Immen sei tsjin him, hy moast nei de Dronhöfmar gean, dêr't syn heit laei to rotsjen. Do gie er foar syn mem stean as in lieu en sei hja moast him opslach de wier- bygelyks de Dionistriahearen, dy't yn ien amme neamd wirde mei de Krekenahearen ? En hjir is ek dyselde foarljeafde for it heimige, for Melchizédek, Aegypte en Babyion. Hjir is ek deselde rhytmyske kadans, dy't men werfynt yn ald-ingelske „chronicle ballads" (11e ieu). Nei alle gedachten binne de aldste stikken üt it Rudolfsboek, dat jown is to Bordewyk „ta treast en help" yn „da tredda hondersta ieer an Sinte Iohannes dei to midda somera efter Kaerle, deer Freesen dine fridoem io, da disse riucht worden maked ende disse handiefte wt ioun." (Richthofen, Fr. Rechtsg. bl. 432). Alwin hat ek grif boustiennen helle üt de sagawrald fen de Stranfriezen yn Slees- wyk-Holstein. Dizze hienen it yn Segel fen de Upstalbeam 1227 to kwea mei de Deenske kening Waldemar, dy die in ynfal yn Dithmarsen. De Saksyske foarsten teagen him tomiette en op it fjild fen Bornhöved kaem it ta in slach op 'e dei fen Marije Magdalena. Yn it formidden stiene de Holsten mei de Hamboargers ünder Adolf IV, rjuchts de mannen fen Lubeck, yn 'e efterhoede de Wenden en Dithmarsen. Yn 'e gleone simmerbran gie it op in fjuchtsjen. De Denen wierne oan 'e winnende han. Do ;— seit de saga .— ünthjitte greve Adolf yn in fjurrich gebet, hy scoe in kleaster bouwe for Sint Marije fen Magdala en seis münts wirde as hja him de oerwinning bisoarge. En de Hillige lei hjar han skaedzjend oer 'e sinne. Fromme ynfald hat it sjoen. Nije moed üntflamme yn 'e rigen, de Dithmarsen foelen de Denen yn 'e rêch oan. Hjar forlies wier great. Amper üntsprong kening Waldemar de dea. Dizze slach by Bornhöved bitsjutte for dy kusten itselde as ienris for Germanje de slach fen Herman de Cherusker tsjin Varus (9 nei Chr.) It Deenske frjemdbiwald wier britsen. Dithmarsen waerd in frijsteat, Lubeck en Hamboarcb waerden frije stèdden. Yn dy striid leit in sterk pathos. En dat trillet nei by Alwin. Hy sjucht de Wikingtiid yn it ljocht fen dizze Denestriid. Hy boartet hwet mei de nammen om, mar de alde sagastof ski- roert noch troch de omwirking hinne. Hertoch Johan, Gronenberch en Dronhöfmar binne öfprintsels fen Euvelgönne, Dronningshof, Bornhövede en Otto von Lüneburch. Sa sprekt hjir wer de alde stamfieling. It fait in tweintichste-ieuwer net ta it Traktatus Alvini to forstean en dy stimming fen sterke hope en gleone Denehaet nei to flelen. Ek binne wy hwet de greate heitelanske takomst oanbilanget to skeptysk en ünleauwich. Sa'n forheftich nasjonalisme is üs frjemd. Ek dichtet de fantasije üs hjir to folie büten 'e skiednis om. Dochs trilje hjir snaren, dy't wy op it Fryske spylark ta gjin priis misse woene. Sjuch: Oude Friesche Kronijken (Thet Freske Riim, Gesta Fresonum, Die olde Freesche Cronike, Gesta FriSiorum, M. Alvini Tractatus) 1853; Ph. Heek, Die altfriesische Gerichtsverfassing, 1894; deselde, Die Gemeinfreien der Karolingischen Volksrechte, 1900; R. His, Das Strafrecht der Friesen im Mittelalter, 1901; Hooft van Iddekinge, Friesland en de Friezen in de Middeleeuwen, 1881; F. Buitenrust Hettema, Wanneer zijn de oude friesche wetten opgesteld? yn Rechtsgel. Magaz. 1892, XI; deselde, Germania XXXV; deselde, Middeleeuws Fries yn De Navorscher, dl. 68 en 69; deselde, Over Oudfriese Letterkunde yn Tijdschrift voor Taal en Letteren, 1921; J. de Vries, De Wikingen in de lage landen bij de zee, 1923; I. H. Gosses, De vorming van het graafschap Holland, 1915; R. Böttger, Die Brunonen, 1865; J. Bolhuis van Zeeburgh, Kritiek der Friesche Geschiedschrijving, 1873; H. Jaekel, Fowchungen zur Altfriesischen Gerichts- und Standesverfassung, 1907; J. H. Halbertsma, De Friesenkerk te Rome yn Vrije Fries, XI; J. Huizinga, Hoe verloren de Groninger Ommelanden hun oorspr. Friesch karakter yn Drie maandel. Bladen, XIV; L. J. v. Apeldoorn, Ontbindende en samenbindende krachten in het Fr. rechtsleven der Middeleeuwen, 1921; G. Kalf, Geschiedenis der Nederl. Letterkunde, I, bl. 310; J. Dirks, Noord-Nederland en de Kruistochten yn Vr. Fries, II, 135-223; P. H. Tydeman, Noorsche oudheden te Wijk bij Duurstede yn Letterbode 1842; M. de Haan Hettema, Vermoedelijke oorsprong van den z.g.n. halven adelaar in de wapens der Friezen yn Fr. Volksalm. 1844; G. Acker Stratingh, De bond der Friesche zeelanden yn Bijdr. Prov. Gron. VII, 161, 316; I. Telting, Schets van het oud-Friesche privaatrecht, yn Themis XIV ensfh; J. Dirks, Geschiedk. onderzoek van den koophandel der Friezen, yn N. Verh. Utr. Genootschap, XV, I; Poelman, Gesch. v. d. handel v. N. Nederl. enz. 1908; Lyclama a Nijeholt, De oude Friesche adel volgens Prof. v. Richthofen yn Jaarb. Fr. adel, 1884, 20; J. Hogeman, Het oude graafschap Staveren, yn Fr. Volksalm. 1890, 183; Heerenga, Het oude Staveren; Th. Lorentzen, Schleswig-Holstein im Mittelalter, 1925; E. Volckmann, Germanischer Handel und Verkehr. 1925; J. H. Gosses, Deensche heerschappijen in Friesland gedurende den Noormannentijd, 1923. TJESSENS OP 'e feestjoun fen 'e Waling Dykstra-dei, 20 Septimber 1916, nei it Ontbleatsjen fen it earestiente, waerd yn 'e Harmony to Ljouwert de Frysk-nasjonale revue For Frysl&ns tael fen Y. Schuitmaker opflerd, dêr't Sjouke de Zee de rölle yn hie fen Profesije. Fen sêft-grien ljocht omjown stie Fryslan mei hjar flagge op it toaniel. Profesije forskynde en wytge hjar de komst fen in blide dei, wylst heech üt 'e loften wei in liet reaunte. It wier in seldsum moaije en lokkige ütbylding fen hwet de Fryske skiednis yn 'e wirklikheid to oanskögjen jowt. De Profes ij e biselskippet yndied it Fryske folts as in seingjende liedsfrou troch de ieuwen hinne. De man, dy't dêr each for hie, draecht de namme fen Tjessens, ien fen dy tsjustere figuren yn 'e Fryske letterkindige skiednis, dêr't noch mear fraechteikens omhinne steane as om Alvinus. De stoarjeskriuwers Winsemius en Schotanus neame him as de samler en biwirker fen 'e Fryske profesijen. Spitigernóch is dat wirk forlern rekke en binne allinnich inkelde fragminten for it neiteam biwarre bleaun. Nei alle gedachten foei it libben fen dizze ünbikende redaktor om it jier 1500 hinne. Mear witte wy net fen him. En dochs kriget hy in plak yn üs bylde-rige, hwent hwet hy samle en biwirke wier Iibbensmoarch fen it Fryske folts. Yn 'e heechste sin is de profeet de man fen it forlossende, Éri**meitsjende wird. Hy hat de Ivige met en sjoen. Mar dat is gjin yntocht yn it fredelan, gjin joundream by mylde loft op in blommige miede, mar it is in orkaen yn it heechgeberchte, it is ynderlik fjür. Den baerne rjucht en gerjuchtigens op 'e siel en in tsjügenis wirdt berne en slingere tsjin woeker en weelde, tirannije en öfgoaderij. Hwa tinkt net oan 'e profeten fen Israël, dy stille finnoaten fen 'e wraldskiednis, dy grounpylders ek fen it Kerstendom? Profesije stiet net jimmeroan op dy hichte. Ik haw it each op Grikelan en it orakel fen Delphi. Earst fregen Bodders yn 'e Fryske Striid 5 de ljue üt 'e omkriten oan 'e Pythia: Scille wy boaskje? Scille wy op reis gean? Scille wy forhüzje? Letter kaem men fen fier en hein mei fragen oer oarloch en frede, oer religy en maetskippij. Faken wierne de antwirden tsjuster en dübelsinnich. De kaei fen it orakel laei mear yn it forstan fen 'e Apolloprêsters as yn 'e dwelm fen de Pythia. En dochs .wier de ynfloed, dy't fen it Delphyske Orakel ütgie op wetten en seden, op steats- en folks- HOLDINGA-STATE TO EANJUM bilangen net in bytsje. Delphi mei syn timpel en kinstwirken, mei syn oansjen en rykdom wier de nasjonale trots fen it hiele folk. It profetisme fen 'e Fryske tradysje haldt it midden twisken it Joadske en Grykske. Yn it manuskript fen Botte fen Holdinga üt Eanjum, toboek steld yn 1567 to Imden yn ballingskip, en hjoeddeis yn it Frysk muséum, stiet it neifolgjende: „Dêr is my eren torbelle yn it kleaster Bethlehim, in adellike Jongfammestifting yn Eastergea, det de H. Willebrordus oan trije adellike slachten yn Fryslan as teiken fen takomstige fruchtberens de klau fen in grypfügel joech. It wierne de Emminga's üt Stiens ef letter — in oerwinling fen Ulrick, dochter fen Ysbrant Males üt 'e Nauwe Noarderherne to Snits en Douwe Beythyes in hynsterider fen alde Goslick Jonghama. Oan lêstneamde edelman, dy't oars in net to béste namme yn 'e Fryske skiednis hat, wirdt ek in profesije taskreaun. It wier yn 'e selde tiid, do't it bern mei de twa hollen oer alle tongen gie, det Fokel, Doed Sippesdochter yn Boalsert boaske mei Skerne Wytthye üt Stiens. De brilloft waerd halden by Japik Schütmaker, in broer fen Petrus Thaborita. In great hoarn mei bier gyng fleurich roun en ünderwiles spriek Goslick Jonghama: Twa ief Trya wyven sinter commen wt Oesterland in Westerland: da schella al Friesland vordeerra ieftu wrmits hyarrem schel al Vriesland verdoeren wirda; Harinxma folck to Snits habbe dier een van, n.1. Juw Harinxma, dy't troud is mei Wyttye Jonghama üt 'e Geast. De aldman wist do noch net, det dizze Wytthye Jonghama letter syn eigen skoandochter en in greate twistapel for Fryslan wirde scoe. Ek wier der in orakel forboun oan it Lüntsjerkster kleaster, neffens it sizzen fen 'e prior, dy't it wer forhelle oan Petrus fen Thabor. Men skreau it ta oan in blineman, Simen de profeet, dy't plichte to sizzen, det der in swird oer Frystón hong, en det dit greate swierrichheid en oarloch bitsjutte. Men sei ek det de kleasters en it miene lan alderheislikst distrewearre wirde scoenen; müntsen en beginen, prêsters en boeren scoene yn it lan omtoarkje, sünder hast to witten, hwer't se hjarren bergje scoene. Binammen scoe er profetearre ha oer Lüntsjerk. Ienris siet de bline yn 'e kouwestal fen it kleaster en dêr bigoun er to kjirmjen en to kleijen: „O Lüntsjerk, Lüntsjerk, hwet scil oer dy komme!" De müntsen fregen him: „Hwet bitsjut dit, Simen? Hy andere: „Sjuch, ljeave broerren, de tiid scil komme, det dit hearlik kleaster fen Lüntsjerk oan 'e groun ta forrinnewearre wirde scil en eft it noch in kleaster bliuwe scil, hinget oan in hier." — „Ho witte jy dat, Simen?" fregen de müntsen. — „God hat my" — andere er — „myn uterlik gesicht üntnomd; miene jimme det God my gjin ynderlike forljochting jown hat? Ik siz jimme, de poarte fen Aldekleaster scil ek ünder 'e foctten reitsje foar en alear de oarloch in ein hat, mar den is de saek ek ringen bislist." Petrus fen Thabor skriuwt dêr oerhinne: Yn 1516, in wike foar Krystmis, teach Kempo Jonghama, grytman fen Wymbritseradiel nei Aldekleaster en liet de poarte for in fjirdepart ündergrave, de oare deis wer for in fjirdepart en sa foei de boel yn inoar. Gjin oarloch, gjin opbloei ef delklap fen ierdske macht koe sa de Fryske folkssin dwaende halde, as de ivige kamp mei de sé. Neocorus yn syn Chronik des Landes Dithmarschen forhellet de IT KLEASTER THABOR kindskip fen 'e Marcellusfloed 16 Jan. 1362. In spoeksel hie oan 'e Schlicker syl roppen: „Dike! dike!" Oaren hienen in lüd heard: „Wé, wé oer al dizze lannen!" Gjin floed hat him sa djip yn it oantinken fen üs folts yngroeven. 16 Jan. bleau in ünheilsdei, en it sprekwird kaem yn swang: „It hat by Marcellus nin liken," net oars as mei de hoeden fen 2 Nov. 1436 en 1532 dy't it rymke to-wei-brochten: Allerhillgendei Fryslan wol bikleije mei. Yn 'e 15e ieu libbe der in man, hwaens profesijen hüsriem wierne en opskreaun binne. Syn namme wier Jarfke. Likernóch yn 1475 wenne er yn Easter-rcide, in doarp oan 'e Iems, dat nei 1492 oan 'e floed to n offer foei. Hjir folgje inkele rigels üt syn profesije: Jarfke hat sein, de beam dy't dêr stiet yn 'e Beerte, dy hjit Jarfkebeam, as dy beam kapt wirdt en dêr wirdt yeske ünder foun, scil it Oldampt ta yeske forgean, sa net, scil it net ta yeske forgean. Lange jierren neitiid waerd de beam kapt, do hawwe der yette ljue libbe, dy hiene it üt syn eigen müle heard. Do't de beam kapt wier, hawwe hja dêr frrjhwet yeske ünder foun. It hat in lytse, kromme beam west. En in skoenmakker hat de beam kapt om de bast dêr 6f to skilen. En Jarfke hat sein, oer twa dagen scoene yn it Oldampt in stikmannich soldaten komme, en dat is bard do't de ald greve yn it lan kaem. Do wier Jarfke al lang dea. Do't Jarfke siik wier en op syn deabêd laei, hawwe de bürren him oanspritsen. Do hat Jarfke sein, hja scoene dochs ütsjen op syn hüs, hwet dêr op roun, hwent hy hie biskeid krige fen 'e Hillige Geast, det dêr scoenen twa wite douwen op komme ef twa swarte roeken. Do binne de bürren nei büten gien en seagen twa wite douwen op it hüs hinne en wer rinnen. En dat hawwe hja him boadskippe. „Och, och!" andere er do, nou it twa wite douwen west hawwe, scil it allegearre neikomme hwet ik sein haw, hwent it is my allegearre fen 'e Hillige Geast ynjown." Dit hat Jarfke sein tsjin Wierd Wypkes syn oerpake yn Südbroek, en men hat it üt Jarfkes eigen müle opskreaun. In Noardfryske Sibylle hie de namme fen Hertje üt 'e Wiedingharde. Hjar orakels giene yn haedsaek oer it oanlizzen fen diken en dy hjar bistean en forgean. Oer hiel Noard-Fryslan scoene ienris de wylde weagens hinne slaen. Den scoe de skipper tsjin syn stjürman sizze: „Hoedzje dy for it Holmersan." Ek scoe fen it Risum inkel in sanbank oerbüuwe, dy't lizze scil op it sté, dêr't it tsjerkhóf Lindholm west hat. In Eastfryske boer fen Dornum forklearre yn 1713, der scoe in stoarmfloed komme, heger as men ea bilibbe hie en bylans syn hüs scoe in gaffelskip sile. Men lake de man üt, der kaem nea net in gaffelskip oan 'e Dornumer syl. Dominy sei him it leksum op. Do joech er neijer tekst en ütliz: hy hie op in joun, do't er nei it fé seach, it hiele lan fol wetter sjoen, op syn rüchskerne siet it skip fêst, mar foarttonei foer it mei folie seilen fierder. Fjouwer jier letter briek in Krystfloed de diken, en in gaffelskip, dat yn Emden thüshearde en by Fulkum stranne wier, rekke troch in gat yn 'e dyk fêst op it Dornumer hiem. Men kin it paed fen 'e Profesije ek troch de nije en aldernijste skiednis fen Fryslan neigean. Ik scoe forhelje kinne fen Yntje Jans üt Eastersé, dy't flsionair fjuchtsjende legers yn 'e loft seach en dêr oarloch üt profetearre (1742). en ho syn profesije mear as hündert jier letter for de safolleste kear werprinte is en oant hjoed de dei troch it folk lézen wirdt. Ik scoe wize kinne op de Wonderbare en merkwaardige profecij fen Martin Zadek, dy't by G. Tresling to Ljouwert yn 1773 ütkaem en dy't foarseit det de wrald togroun gean scil binnen hif jier en dat den hiel Azië it Kerstenleauwe oannimme scil. Ik scoe üt myn eigen libben fortelle kinne, ho't in frouspersoah as in profetesse my oanspriek yn 'e Snitser tsjerkekeamer, hwet in kear joech yn myn libben. Mar genöch. De Geast fen God wirket yn 'e wrald en wennet yn 'e gemeinte fen Jezus Christus. De profesije is net ophalden mei Johannes syn Apokalyps. Hja wevet en swevet ek yn 'e noutiid troch it Fryske lan. Lit üs folts dat witte. Hwent profesije is iepenbiering. Heger is der net. „Lan, lan, lan, harkje des Hearen Wird!" Sjuch: G. A. Wumkes, Dijkumborg en hare bewoners, opstel yn Gron. Volksalm. 1922; deselde, Hoe ik predikant te Sneek werd, opstel yn Weezenalmanak, Neerbosch, 1914; deselde, Heugenis, 1919; Catalogus van het Museum van het Fr. Genootschap, 1881, bl. 170; Tractatus Alvini, bl. 371-76; Winsemius' Chronique, bl. 167, 189, 201, 206; Visser en Amersfoordt, Archief van Vaderl. Gesch. 1824; Petrus Thaborita, Hist. van Friesland bl. 25, 212; Schotanus Gesch. 187, 313ö; Tegenw. Staat v. Fr. II, 449; Frisia, eine Zeitschrift, 1842, bl. 26; Prophetie ende Voorzegginge van Jarfke, Deventer, 1759. Een vreemde en wonderlijcke profecie die welcke genomen is ut veel goede oude prophecien, ghelijc Vincentius, Theophilus en Antonius, Theodorus, Joachim, Cyrillus ghemaect hebben en die ooc wt Joannes Lichtenbergers prophetien hiertoe int translateren eensdeels gedaen is, en betuyghe van der toecoemst ons heeren Jesu Christi ende van Antichrist toecoemst en sijn verdoemenisse met den grooten dach des oordeels, geprent 't Antwerpen. En me vintse te cope te Leeuwaerde bi thielma de boecvercoper int jaer MCCCCCXXXJ1II. Jancko Douwama's Geschriften, Leeuw. 1849. AEDO AEDES JONGHAMA AS men it Brunone Fryslan yn syn brede bloei biskóget, kin men de fraech net oan 'e kant sette: ho brocht sa'n heechsteand folts it net ta in bliuwende steatsfoarm ? Ut hokker reden moast dat folts it brea fen 'e binaudens ite, it wetter fen 'e fordrukking drinke en bitter kleije mei de profeet: „Heare üs God, oare hearen hawwe üs oerwSlde?" Op dizze fraech is net mei ien wird andert to jaen. It djipst rekket men wol it swakke sté, as men it Germaenske yndividualisme oanmerket, dat himelstoarmjend spot mei foarm en ban. Dat stjürde it paed op fen ynwindige ünienigens. Dêr kaem by in füleindige persoanlike earsucht, dy't gie boppe it bilang fen 'e mienskip. De Friezen stiene to los nést elkoar, eigensinnich, koppich, yn erflike oerginst. It gie goa tsjin goa, gea tsjin gea, skaei tsjin skaei, haedling tsjin haedling. En dêr wier gjin Redbad mear, gjin sterke lieder, dy't it nasjonale wollen ta utering brocht, dy't in sintrael gesach skoep. Partijskip hearske. In fêst steatkindich doelwyt üntbriek. De polityk forlear him yn dwylpaden. It ein wier folsleine anarchy. Dat is yn it koart de stoarje fen Fryslans lijen. It hat seis de measte skild oan syn fal. Mei sloppe hannen en wankele knibbels kaem it bleat to stean oan 'e ünheilsmachten, dy't op him loerden. Dêr wier de kweageast fen 'e kriich, dy't as in röffügel mei skerpe bek en reade wjukken, de ald honk ta in slachthüs makke. Dêr wier de machthonger fen wanginstige bürljue. It ién mei it oar makke it swird dronken fen bloed. De hiele 15e ieu is dêr read fen. En nou is dit it wünder, det üt dit forgetten bloed, üt dy forwirding de ealsten en bésten in nije ljeafde for it heitelan dronken en geastlik for master opsloegen. Hollan bleau jimmeroan de deafijan. Eltse nije greve hie plannen tsjin Frystón yn syn boekje. Hja koene it net litte de han to stekken yn üs saken. En Starum joech altiten foarst bilies, earst yn 1300, do't it Jan II as hear hildige, letter yn 1398 mei hertoch Albrecht. Yndied, dêr waerd in healbakken Hollanske hearskippij oprjuchte yn it Westerlauwerske. Hollan mocht Starum as in wjirmstekkige apel ploaitsje fen 'e Fryske beam. It like hiel hwet. De klerken skreaunen moaije brieven oan 'e frjeonen oer foarrjucht dit en foarrjucht dat. mar yn 'e groun wier it ien greate tsjinstuit. De Fryske haedlingen, dy't hertoch Albrecht as lienhear hüd'gen, waerden der o sa bidroefd mei ófsmard. En it sette Fryslan yn twa kampen. De Hollan-kraeijers krigen foar hjar oer de Skieringer nasjonalisten, de Fryske frijheidspartij. Sa wier it om 1400 hinne en net minder in ieu neitiid. As in roas yn 'e wyldernis pronket yn dy balstjürige dagen it Fryske yntellekt. Gjin lan hie dotiids safolle studinten om utens as Fryslan. Hwa scil hjar opneame, de ljochte soannen fen 'e Noardsé-iggen, dy't oer 'e Alpen teagen nei Bologna. Padua en Rome? Hwa scil de nammen telle fen Fryske haedlingssoannen, dy't üt Parys, Orleans, ef Keulen it werompaed namen nei it heitelan, greatsk op hjar magister- ef dokterbulle? En det hja yn 'e frjemdte hjar Fryskwêzen net weismieten ef forgriemden. wit Suffridus Petri to forheljen. Do't er yn 1547 yn 'e stêd fen Leuven kaem as studint, bifoun er dêr ta syn greate blydskip, det de Fryske kameraten op fêste dagen hjar gearkomsten haldden yn 'e tsjerke fen St. Barbara en der gjin oare tael sprieken as hjar memmetael (De Origine Frisiorum. Cap. XV). En wol men in Frysk nasjonalist üt de tiid. dêr't wy mei dwaende binne, kennen leare, den jow ik it wird oan Jancko Douwama, de greate patriot üt 'e earste jierren fen 'e 16e ieu. hwaens boeken in goudmyn binne fen ynfryske, middel-ieuwske tradysjes: Dit is in regel, dy't net mist: alhwa de Friezen faksearret, moat dat dübeld bitelje Hwent God hat de Friezen fen it oanbigjin óf seinge en ta syn folk en erftal ütkard. Ja, op de Hebreën nei hat Hy troch hjarren mear wünders ütrjuchte as troch ien oare naesje. Astü yn 'e Bibel it boek fen 'e Rjuchters lest en dêr by dochst „de Rjuchte Kronike fen Frieslan", scilstü gjin twa oare leauwensweardige boeken fine, dy't sa mei inoar yn ienklang binne. Yn beide treft men de hege Godswirken en lyk as God üs mear as oare foltsen ljeavet sa is Hy ek firdiger om üs to kastijen for üs tsjoedens. Mar wé dyjinge, dy't de Ünfoege ekseküsje docht. It is bard, det in greve fen Hollan fen Satanas stokele waerd om Fryslan to oermasterjen. By de mannichte greate hearskippen, dy't yn syn leger wierne, bifoun him ek in hertoch fen Beijeren De Friezen, de swiere strijdmacht fen 'e fijannen yn oanmerking nimmend, kearderi hjar ta God en sloegen yn it gefjucht rjue greate hearskippen dea, wylst oaren yn finzenskip rekken. In jier neitiid, do't de greve yette greater binden gearbrocht for in nije tochte forgeaten de Friezen Gods genede. Hja lieten de hertoch los, ünder bitingst, hy scoe hjarren helpe tsjin 'e greve. En it kaem ta in slach, dy't de Friezen forlearen, hwent God wier net mei hjarren, om't hja hjar • bitrouwen op minsken setten. Ik bislüt, God Almachtich hat mannich-ris Syn godlike krêft oan 'e Frjezen biwiisd. Dêr wier folie, o sa folie oer to skriuwen. Dochs binne hja mar in hanfol folts, net bitoeft yn it striden, en faken binne hja troch greate macht oantaest, mar God hat Syn barmhertige han net fen hjarren tein." Boek der Partijen, 270—73. En dit binne gjin wirden fen de earste de béste. Jancko Douwama wier in leard, wiis, from man. Hy koe de bibel üt 'e pin. Hy lies yn it Latyn likegoed Saxogrammaticus' skiedboek as Augustinus' De Civitate Dei, likegoed Tacitus as de kroniken fen Trier. As hy syn haet ütspijt oer 'e Hollanner, mar ek syn leauwe bilijt oan 'e ütforkiezing fen syn folts, den fortolket er hwet dêr libbe yn 'e herten fen syn geastessihben en politike frjeonen, lyk as greate Pier en de man dy't hjir binammen üs oandacht freget, fen Aedo Jonghama. Troch de need fen it libben, moasten hja it hert, dat opkroppe wier fen fortriet frijmeitsje, En dat diene hja net om to haetsjen, mar üt in sterke heling fen gerjuchtigens, d.i. om Gods wil. Yn dit ljocht stiet it skiedwirk fen 'e edelman, dy't yn 'e tael fen it heitelan skreau oer de wichtichste foarfallen fen syn tiid. Spitigernoch skület it noch jimmer wei, mar Worp fen Thabor hat yn syn kronyk de haedynhald werjown en ek binne der inkele fragminten to finen yn Winsemius syn kronyk. It Frysk takele as offisiéle skriuwtael al frijhwet öf. It stie net mear sa sterk as yn 1489, do't Rienck Heemstra oan syn broer Feya skreau, det er troch it gefaer fen 'e sédiken net op 'e landei komme koe, mei dizze goefryske wirden: Wjittat, Feya-broer, hoe dat ickit seer fryondlik aen dy by-ierij, dat du also wal walta dwan om myn willa ende foer-warya dach din mena dey, dir nu wessa schil to Lyowerd fan minit weyna, hwant jck wp dit paes naet komma mey fan nedis weyna, hwant hit wayt ende stormit alla daghen, hwerom jck alla daghen by dick moet wessa, datir gista handa wer tho heelin ende tho meckyen, ende aeck quet tyt schipnya synt tho krygyn; ende jst seckef dattir naet tillist, so dwe dach so wal ende schryw en bref, ende bruck myn oen-schild aldir mey in; naet meer oep dis tyt; wes God by-feln almachtich. Schiuun jnt zeer fan nyoghen ende tachtich wp sunta Wilbrord biscoep. (F. Buitenrust Hettema, Bloeml. uit O. F. Geschr. 74). Mar hwet Jonghama skreau wier dochs noch net dat griemmank fen tael, dat men krige yn 'e Beneticiaelboeken fen Fryslan. dy't yn 1542 opmakke waerden. Sa't ik ek al ütkomme liet wier dizze Raerder haedling folbloed Skieringer. Dat woe yn dy dagen sizze. antihollanner en antigrinzer. Hwent Grins siet dodestiids as in spinne yn syn web om de michjes, dy't yn syn kloeren kamen, it bloed üt to sobjen. Grins. de Saksyske stêd, herde in imperialistyske polityk mei de leuze „divide et impera!" It socht al mar mear in wigge to triuwen yn 'e Fryske ienheid. Hwet wier makliker as to stokeljen yn 'e boargeroarloch twisken Skieringers en Fetkeapers en dêr seis fen to profitearjen? De frucht fen dy polityk wier it forboun mei inkelde folmachten en geastliken fen Eastergea. En keizer Maximiliaen mocht dêr syn ünnocht oer to kennen jaen, de Grinzers setten de hoarnen yn 'e wal en giene troch mei hjar moedwil. Do hjitte de keizer yn 1494, de Friezen scoene üt hjar formidden in potestaet kieze om de frijdommen fen it folk to bihalden en alle reboelje to kearen. De man, dy't hja dêrta bineamden, wier Juw Dekama üt Baerd, in freedsum, ünpartidich edelman. Fjouwer en tweintich treftige, warbere edelljue krige er as rie nést him om de saken öf to dwaen. Aedo Jonghama wier ien fen hjarren. Op in tóndei to Ljouwert bearden de Grinzers op groun fen keizerlike brieven, det hja rjucht hienen op it protektoraet oer Eastergea. Mar Jonghama koe dy skelmerij net langer daeije. Hy stie op mei de wirden: „Ik forklearje dy stikken for falsk" en forliet de gearkomste. Lokkich kaem der in keizerlik öfgesant, dy't mei klam to kennen joech, det de keizer de ienheid fen Fryslan hanthavene. It alde twistfjür löge nou al heger op. Gjin tsjerke, gjin alter, gjin stins wier mear feilich. Do röpen de Skieringers de stipe yn fen hertoch Albrecht fen Saksen. Mar nou kaem men fen 'e rein yn 'e drip. It lan waerd in proai fen de frjemde hiertroepen. Om dat rapalje to kearen stjürden de Friezen Aedo Jonghama nei Ljouwert. Mar de Ljouwerters woenen fen syn rie net witte. Hy wier dêr sa üntdien fen, det hy forliet de fbrgearringe en spriek yn it iepenbier üt, det Fryslan nou it fordjêr yn 'e müle roun. Men hie al gau syn bikomst fen 'e Saksers en woe graech hjar twangjok kwyt. De man, dy't in rêdder op 'e wei fen 'e frijheid like, wier Philips fen Bourgondië, de soan fen keizer Maximiliaen. Aedo Jonghama waerd mei inkelde geastliken bineamd om mei de öfgesanten fen de Bourgondiër to ünderhanneljen yn Inkhuzen. Hy reizge mei syn kameraten nei Starum, mar ünderweis bistoarmen hjar safolle biswieren, det hja wer nei hüs giene. It heitelan wier sa'n heislik toaniel fen deaslach en plondering, det Jonghama yn ballingskip gean moast. Om 1500 hinne siet er mei oare Fryske edelljue yn Antwerpen en bisochten hja de Bourgondiër for de Fryske saek to winnen. Hja woenen him it regear wol opdrage, mar Philips easke, det hja mandaet hawwe moasten fen it folts en det men dêr war for dwaen scoe. Nou gie Jonghama mei fiif paren nei Fryslan om de Friezen to hifkjen, lykwols. sünder fortuten. En wer moast er om utens, wylst syn hiele bisit konfiskearre waerd. Einlings joech er him del ünder 'e Saks. Yn 1504 waerd hertoch George hear fen Fryslan mei Frjentsjer as residinsje en Sjaerdemahüs as paleis. De 20ste Maeije fen dat jier moast Jonghama mei alle prelaten, edelljue en grytsljue opkomme om hjar to forbinen oan it nije biwald. Men lies hjarren foar, det foartoan hjar fêst bisit bisköge wirde scoe as lien, lyk as dat ek yn Dütsklan wisansje wier. Mar dêr wieren de Friezen net fen thüs en fregen ütstel. Hja bileinen in landei to Ljouwert om oer de saek to rieplachtsjen en der waerd Jonghama mei fjouwer oaren keazen om herders mei hertoch George to praten. De fiif öffirdigen kamen 5 Juni 1504 binnen Harns by hertoch George en fregen him eft er it punt fen it liengoed farre litte woe. Hy sei fen né en dêrmei koenen hja nei hüs gean. Om sterker posysje yn to nimmen waerd it fiifmanskip formeardere ta in tsjienmanskip, dat in nije gearkomste oanfrege. Hja joegen to forstean, dat as de hertoch it artikel fen it liengoed net falie liet, it folk nei plicht en gewisse witte scoe to hanneljen. Bodders yn 'e Fryske Striid 6 Oermits it net opskeat, gie de kommisje mei goedflnen fen 'e hertoch yn in oare keamer mei in maerskalk, dy't hjar bisocht to bipraten. Mar Jonghama sei, det hja nea net priisjaen woene hwet hja fen hjar foaralden krige hiene, en as men hjar twinge scoe, ünstjür en reboelje it gefolch wêze scoene en dat dit net yn it bilang wêze scoe fen it Saksyske hüs. Hy forhellet dit yn syn „memoires" as folget: „To leste do ic saeg dat nimmen him antwird joegh, so seyd ick to dy Merschalck, dat ick voor mijn persoon der nu noc hnimmer in consentere. Te wijten dat ick de Hertoch den eyndom ven roerende goeden solda tostaen, deer mijn alders our hondert jier of twaa in vryheyt hare bern heden lauwget ende achtersletten, ende voort mijn alders oan my hien erfd nu schoeide uwr jaan, en als ick stoor dat mijn bern dan mijn goed schoeiden weer kaepie van da Heere, hier woe ick naet ien ick woe de eyndom van my selven haadde, dan wiert dat dy heere des jiers en sijcker taux habbe wold ven harre goeden, als goede ondersietten schieldich binne to dwaen, deer wol ick mey dy oore Heerschippen jern in consenteerje, hier vernaam den Merschalck wol, dat da Heerskippen onwillich wieren op dy Artijckel vent Lien." De Friezen wierne earst allikemin klear for it biteljen fen dy „taux," mar einlings hawwe hja dochs tajown en biwillige yn 'e tweintichste peinje. Op dy kondysje hawwe hja de eed fen trou oan 'e hertoch öflein en hy hat sward in goed „gouverneur" for Fryslan to wêzen (8 Juli 1504). De fortsjinsten fen Jonghama yn dizze saek binne net yn it forjittelboek rekke, mar hawwe it sprekwird towrald brocht: „Wy Friezen witte fen nin lien to sizzen, sei Aedo Jonghama." Yet ienris hat Jonghama yn 'e Saksyske tiid for in pynlike saek yn it spier west. De Ljouwerter muntmaster Hera hie falsk jild slein en wier for dat misgryp üt 'e stêd band. Hy kaem fen in frouspersoan to witten, det greve Edzardt fen East-Fryslan tomük briefke mei inkelde Fryske hearskippen, dy't mear mei him ophiene as mei de hertoch fen Saksen. Hy forklapte dat oan it regear fen Fryslan en ünthjitte yet mear fortelle to scillen. Yn it kleaster fen Smelle Ie hie in gearkomste pleats en dêr lei er de saken bleat. Dit wier fen dizze gefolgen, det daelk de ljue, dy't der op oansjoen waerden, yn 'e boeijens rekken. Keimpe Roeper üt Kollum bikende op 'e pynbank, det er brieven oerbrocht hie oan greve Edzardt en det Jan Gerbrand Mockama en Jemme Herjuwsma mandélich wierne oan it komplot. It scoe greve Edzardt to dwaen wêze om in Fryske monarchy. Dizze bisocht himsels skjin to praten, mar syn halding like swak. De Saksyske stéhalder woe de swierste straf op 'e skildigen tapasse, mar dêr akselen de Fryske Steaten tsjin. Hy droech nou in ündersiik op oan Aedo Jonghama, Hessel Martena, Piter Camminga en Tsjaerd Burmania. Dizze fjouwer giene nei it Blokhüs om de flnzenén to hearren. Jonghama biskriuwt dit bisiik as folget: As wy nu opkaamen in da porta, da waard Gerbrand Mokkama deer wt een gat helle, ende den waard da breef weer to farra lessen, deer hja in fortydum scholle jecht habba, ende waes wrt gemeen lessen fen 't Blokhuws, alzo dattir dat schrift, alle heel naet jechte wolde; maar deer waas al med oon, az wy forstien, ende op dat pas wolder forre naet jechte hat him zeid waard: en deer mey waarder weer in 't honnegat brocht. Do gingen wy fort to Jemma Heer Juwsma, mey heer Hans Schenk, Jonker Frids, dy Kansellier, en Thomas Schriour, ende Jemma waerd aek te ferra lessen, deer hy in fortydum scholde jecht habbe, ende Jemma stoet altemaal bykant, jytta noch al meer oppa ny, fen alle handlingen, deer hy hie haun mey Tjard en Gerbrand Mokkama, mey munken fen da, en ore munken. Da wy mey da Haadlingen, aldus by da fenzenen hieden weyssen, en hieden elk zijn reeden oonheerd, zoo meendir oors naet of het scholdeme alzoo weer sidze, az wy heere hieden, alzoo dat ik elk man zeyd, weer my freegen, dat Gerbrand Mokkama heed dy maeste part weerroppen; za dat dit kaam wt al 't laan, en to leste for da Heere. Sneyns ney Decollat. Joannis da kaam my een breef fen da Heeren, dat ik fen stonden an by da Heeren zoede komma, om zonnerlinge zekkum, deeze my naet schioun konnen. De Sneyns yr moorn tiid ik ney da Heeren, ende hja hliaden my op 't Blokhuws, en freegen, my aef, of ik disse reedenen hiede spritzen, as dat Gerbrand Mokkama alle recht heede wieroppen. Hierop andwoordde ik, en zeide ja; want ik heede 't also forstinzen, dat wy 't zidzen mosten, en ik hied oor naet zeyd, dan dat Gerbrand een part heed weerroppen, az door dy mennichte fen volk. Mar jo joegen my alzukken warma joauta in mijn nochtra lyf, dat hie my mijn deegen wol schil hughie, want my waerd hiet zonnir fïauer." It ein fen it liet wier, det Gerbrant Mockama en Jemme Herjuwsma de 16e Nov. 1512 foar it Blokhüs ünthade waerden. De Fryske Steaten wierne der min oer to sprekken en it wirke . üt, det men ho langer sa mear in hekel krige oan it Saksyske biwald. Noch in foech stomp en it laei tsjin 'e groun. De Geldersken waerden as rêdders ynhelle. George fen Saksen rekke forlegen mei it spil en die 19 Maeije 1515 öfstan fen it Regear oan Karei fen Bourgondië, dy't nou eigener waerd fen 'e Saksyske erfenis. Ta de Fryske nasjonalisten dy't fen 'e Geldersken mear heil forwachten as fen 'e Bourgondiër hearde ek Jonghama. Hy wirke mei Jancko Douwama hjar safolle müglik yn 'e han. En wylst Greate Pier, de ultra-Frisiast, de sé skjinfage fen alles hwet netFries wier, teagen Jancko Douwama, Aedo Jonghama en Freerk Roorda nei Gelderlan om to kleijen oer de Bourgondiër, dy't in frjeon wie fen Hollan, dat altiten loerke op it forbrekken fen 'e Fryske ienheid. Jonghama wegere de eed fen trou oan Karei to swarren. Syn eigendommen waerden yn bislach nomd en jown oan 'e stêd fen Ljouwert, dy't üt 'e opbringst hjar fêstingwirken forsterke. Hy wier in kerdaet, wolsprekkend man! dy't allinnich yn in klimaet fen Fryske frijheid syn frede en formeits foun. Ut syn „Oanteikenings" priuwt men de stanfries dy't it forline fen syn heitelan ken en ek it folie libben fen syn tiid meilibbet. Yn syn hanskrift komme alderlei meidielings foar oer it waer, oer wiete en droege simmers, oer wetterfloeden en trochbraken fen diken. De 25e Septimber wier —• sa forhellet er in dei fen nasjonael oantinken, omdet de Hollanske greve Willem IV by Starum yn it jier 1345 troch de Friezen forslein waerd. De miene man neamde dy dei de Fryske Ljeaf Frouwe. Mar de Saksyske hearen hiene üt frjeonskip mei Hollan dat heechtüd öfskaft. Elts dy't Frysk helde seach yn dy öfskaffing in mislediging fen de hillige Godsfaem. En sjedêr, dyselde deis briek yn 1509 in fülbandige wetterfloed los. Jonghama skriuwt: „Item int jier vorsz op uws Fresna Liaeffrouwen Dey, isser in Vrieslandt en da ore Landen by da Zeecant lidzende, so graeten schaed schijd van 't Wetter, datter zijn leven nin graeter is weysen, bysonderlingh hier in Frieslandt. Want dit giet uws maest ter herten. Dit onwaer bygond op uws Frouwen jound, also dat op uws Liaefvrouwen Dey de Zeedijcken inbriecken, uwrmits so wttermiette haech wetter oppa alle Dijcke stoe, dat aldaer sioen was, dat heel Vrieslandt solde verdrints habbe. Also dat elck man wtroun om syn Beesten to bergjen, ende dir waarden volle vent wetter byroun ende verdrinckten, beyde menschen en Beesten. Da huysen driouwen weg mey wiif en bern, en al hetter in wier, also datter volle caamen drioun aen da Waad zijda en ore canten en plaetsen, ven Kisten, Tresoren, Bed en Bolster, Kuw en Kaeel, Hinxten en Ooxen, Bern in da widsa in aerden en Tresoren en Kisten waarden foun mey Silveren Riemen, Jild, Tinwirk, en Claen." Men skreau yn 't gemien dizze wetterfloed ta oan it neilitten fen de hillige seremoanjes op de Friezene Ljeaf-Frouwen-dei. En op oanstean fen it folts is dizze hjeldei wer opnomd yn 'e tsjerklike kalinder. As men dizze annalen lést, siket men sfinder opset-sin forban mei in oare kronyk, dy't Jhr. de Haan Hettema helle hat üt it M. S. Jus Municipale Fresonum en plak joech yn De Vrije Fries II, 117 —130. Ik lit hjir it oanbigjin folgje: Tha ma screef fan ther bertha unses Hera IEHSU CHRIST1 iiii hondert and een and tachtich, tha ontfengh Fresiand then Kersten lawa. M" CC° vp Palma dey, doe ward daed slayn in Hoghaholtwalda, Wilhelmus, thi Koninc fan Almania ende die Grewa van Hollandt, mith manniga ethala mannem. M° CC° XC1I, vp sexta kalundas Aprilis doe was thet strid to Fronagast, fan Iohannes Floris sone, this Grewa to Holland, doe gheng West Fresiand vnther Hera van Hollandt. M° CC ende LXX, do was thi wey to dae Helliga Lande biteckenath mith tha cruce, Wennesdey efter Sancte Lucas. M° CC° LXXXVIJ, doe gheng thet graet wether wr all Vresland. MCCC°, da wrjouwen dae Jacopinan dyn Keyser toe Rome mith fenyn, vnder da sacramenth, dat was der onder strensczen, ende dy Keyser daed by bleeff. Sa rint it troch oant 1447. Winsemius hat dit kronykje kend en hellet it trochstrings oan, b.g. fol. 173 ünder de namme „Een oude Vriessche geschreven Chronique." Dêr binjunken hat er ek op it kleed in hanskrift, dat er de namme jowt fen ,,d' oude Vriessche aenteyckeninge" (fol. 167, 175, 183 ensfh.) Dêr skriuw ik ek inkele data en fata üt oer as priuwke fen it bigjin 16e ieusk Frysk: Anno M. CCC is gestorven Greef Jan, Floris Soon sonder Bern, so dat het to disz tijd toe allen tijden erffen hat, dat dure hat 400 en 30 Jeeren. Anno M. CCCXXXVH hat Graaf Willem Vrieslant oen teyn te schipp mey een graet hoop volxc en hat op Gaasterland barn und finsen, dit dat Friesen siaende benne eeck toe ze teyn, en hat schippen datse wr fielen, seindense mey t goed oon land end verdroncken da Hollander. Ann. MCCCXXXVII Is aerst fonderre dat Claester toe Walds-eynd. Ann. MCCCXLV. Is Willem de nyuggenthiende Greef van Holland ven dy sted van Wtert comn woll mey 85. oft 86. tuysent man, en hat der woll 6. wyke voorleyd, dir ney isser mey dy selle hoop wur comn in Vrieslant, ende hat 't eerst gae oon brand stitsen; dit siaende dat Friesche heer, deer boppe ijen naet thin jaerr twae wier, is de Hertoch heerlij ck te myete tein, en habbe him slach haden ven da ire mom aef ta dy lette ioun, en wy habbe d' wurhaand crigge, en hemsels mey daet, dir volle graete Heeren onder wiren. Ann. M.CCCL. Isser uwr gans Frieslandt sulcken pestilentie weysen, dat het nin mensche mochte tinse datter soo graeten weysen hie. Ann. M.CCCLXXIIII Hat Greef Albert mey da Hollanders verbarnd Schilgerlandt, naet sonder bloedt stirten oen beyde zijden. Ann. MCCC ende LXXXVM. Wernsdeys ney S. Lucy, gieng dat Zeewetter wr heel Frieslandt, soe dat volle menschen en beesten verdroncken, en huysen wey drioun. Dizze kronykjes, beide yn aldfrysk skreaun, frisselt Winsemius troch dy fen Jonghama hinne en haldt se dochs alle trije ek wer üt inoar. It scoe in ding fen bilang wêze, as hja ris apart ütjown en yn hjar ünderling forban neigien waerden. De Jonohama-kronyk is grif de wichtichste en heart mei syn bihelplik Frysk sünder mis ta üs skriftekennisse. Fierder is hy in strider for 'e Fryske frijheid. Mar dit moat gjin misbigryp wêze. De „aurea libertas," de gouden frijheid fen it Fryske folts, dêr't men faken sa heech fen opjowt, mei net to romantysk foarsteld wirde. De frije Friezen wierne yn 'e 14e en 15e ieu meast de edelljue. De stêdden, de boargerij, de arbeiders sieten frijhwet ünder hjar sünder frijheid. Mannich edelman wier in great tyran. Inkeld tsjinoer frjemden, Grinslan, Hollan, Saksen, kaem men op for it heitelan, d.w.s. for yensels. Mar dat wier noch gjin frijheidsljeafde, mar de sucht ta selsbihald. Wol koe men stoere, diedkrêftige karakters oanwize yn dy tiden, dy't noch ta hwet hegers yn steat wierne as ta it swaeijen fen it swird. Dêrta heart ek Aedo Jonghama fen Raerd. Troch de hirdens fen it lot koe er net altiten sa't er woe. De need twong him de mindere to wêzen fen 'e Bourgondiër. Do koe er syn eigendommen werom krije. Yn 1525 seach men him wer op 'e Ljouwter landei, dêr't er as folmacht fen Raerderhim HIDDE CAMMINGHA IT Fryske hert hat nea net in bidompen kelder west, mar in hüs mei iepen Unsters, dêr't de greate folkene lüden neiklonken. Alle floeden fen 'e minsklike geast founen hjar wei nei dizze Noardsékusten. Dêr hat men it Arianisme. Arius forljeagene Gods Trijeienigens. Hy makke it ivich Wêzen ta in trias. De tsjerke forflokte dizze lear yn Nicea (Ao 325). It Arianisme forlear dêrmei yn it Romeinske Ryk syn rjucht fen bistean, mar de Goten dronken it yn as wetter, en dêrwei briek it baen nei oare Germaenske stammen, ek nei de Friezen. Om 830 hinne stiek it de hoarnen op yn Starum en kontreijen. Do't biskop Freark fen Utert de misfout fen syn lansljue fornaem, reizge hy dèrhinne en preke de rjuchtsinnige lear fen Christus' wiere godheid. Do't it net avensearre, moast Odulfus komme, en dy hie bettere ütkomsten. Nou waerd in formulier gearstald, dat de suvere katholike lear omskreau. Eltse parochy krige in öfskrift en de prêsters moasten it alle gedurigen yn 'e tsjerken en kapellen foarlêze. Dêr hearde ek in gebet by oer de hillige Trije-ienheid, dat hja deis trijeris dwaen scoene. It formulier wier yn 'e Fryske tael fen dizze ynhald: Ivich is de Heit, ivich de Soan, ivich de Hillige Geast; Mar in ünderskied yn 'e persoanen, in ienheid yn wêzen wirdt kend. Almachtich is de Heit, almachtich de Soan, almachtich de Hillige Geast. Wol is der trêdderlei namme, mar it is ien krêft en macht. De Soan is fen de Heit ünbigryplik generearre. De Hillige Geast giet ünneigeanber üt fen de Heit en fen de Soan; Syn macht is net bykomstich, mar trochgeand en ündielber bliuwend, Syn opperhegens is ienriedich, Syn ryk sünder ein, syn gloarje ivich, Hja skept allinnich, forjowt allinnich de sounden en jowt it'Mmèlryk. Hjirmei waerd it dogma fen Nicea foartoan as in godlik mystéry leaud en for it bihald fen 'e sielen ünmisber achte. Den hat men de mistyk fen Sint Bernardus, de greate Cistersienser, dy't oan syn oarder in oerwinaingstochte troch Jerope bisoarge, ek troch de Fryske goaën. Dizze djippe natuer, dy't libbe üt in skögjende Jezusljeafde, seach de forhalding fen de Forlosser ta de leauwende siele yn it Heechliet fen Salomo ütbylde, en syn swietste formeits wier it yntinken fen de ivige sillichheid, dêr't er nei longere. En noch gjin fyftich jier nei syn dea seach men de neiwirking fen dizze Bernardijnske mistyk op 'e Fryske klaei. Abt Siardus fen it Begaerder kleaster (1194—1230) is dêr de drager fen. Hy siket wezentlike foriening mei syn himelske Siele-breigeman, dy't ynderlik mei him Peaske haldt. En as er op reis nei Steinfeld, it memmekleaster fen 'e Eifel, in boerinne sjongen heart, den wirdt er yn in eachwink bipaeld by it nije liet, dat de forlosten sjonge yn it himelske Jeruzalem. Ef as in koarsang üt 'e Jellumer tsjerke him yn 'e earen reauntet, den haldt er it hynzer yn en bigjint, de holle foardel, to peinzgjen oer 'e brilloft fen it Laem mei de triomfearjende tsjerke. En as den it kleed fen 'e ünsjenlike wrald foar him delfalt en hy weiwirdt yn 'e harmonije, dy't Boppe is, den sjugge syn reismaten him earbiedich swijend oan, gedachtich oan it wird fen 'e breid yn it Heechliet: „Ik biswar jimme, o dochters fen Jeruzalim, dy't by de fjildréën en jonge harten binne: meitsje myn Ljeafste net wekker, foar en alear it him sinniget." Den is dêr de Renaissance, de werberte fen it middelieusk libben, dy't hjar widze yn Italië, it heitelan fen Petrarca hie. Nimmen hat sok baenbrekkend wirk dien as hy troch it wer opnimmen fen 'e klassike stüdzje en it gean ta de boarnen fen ald Grikelan en Rome. In füleindige ljeafde for de antiken walle op yn 'e herten, sadet elts, dy't koe oan it wirk meidie, hanskriften socht yn boekerijen, teksten samle, öfskriften makke ef fortaelde. It wier in fjuchtsjen om alde dokumenten, dy't ieuwen ünder it stof fen de forjitnis lein hiene. Dit heechtij mei syn wide libbenshalding en nije libbensynhald sloech syn weagens ek troch it Fryske moed en die dêr wünders. It Noardlik humanisme bleau net binefter yn it forearjen fen 'e greate paedwizers. Hwa hie greater forearing for Petrarca as de Hunsingoaer Fries Rodolphus Agricola üt Baflo? En sa'n man woe tagelyk for eltsenien witte, det er Fries wier. Dat rekkene er as syn eare. It stie op it titelblêd fen al syn wirken „Phrisius," lyk as de Romeinen alear it jimmer ütkomme lieten: „Civis Romanus sum" (d.i. ik bin in Romeinsk boarger). Fryslan koe wize op in man as Poppe Okke, in East-Fries fen komöf, dy't om 1520 hinne prinshearlik wenne yn 'e Amstelstêd. Hy wier in man fen dryst kinnen, mei in wil ta macht, ek mei toarst nei wielde. Syn skippen wimpelen op alle séën. Hy liende jild oan kening Christiaen II fen Denemarken, oan lanfadesse Margrete en oan 'e stêd fen Amsterdam. Keningen, öfgesanten en de aertsbiskop fen Drontheim, Erik Valkendorf, sieten by him to gast, yn it bankierhüs, dat de namme hie fen it Paradys. Yn him libbe it Humanisme, it klassike foarbyld, mei in swide forearing for Erasmus en Agricola. Yn syn prachtboekerij hie er hopen kostbere, selsume hanskriften, dêr't er allerlei learden mei fen tsjinst wier, nei de miette fen syn krêft. Syn dochter hie ta man Herman Hajo Cammingha, dy't letter kanselier waerd fen East-Fryslan. As jong Frysk edelman haldde dizze daegliks ta by Erasmus yn Bazel (1529). En de greate Rotterdammer tsjüge fen him: „dizze jongfeint hat in allerlokkichste oanliz, in skoandere rjuchtswitnis en tükens yn 'e klassike talen, hy koe in sieraed wirde fen de keizerlike Ried." De trêdde, dy't hjir neamd wirde moat, is Willem Ubbena, dy't ek kanselier fen East-Fryslan west hat en biïerdge leit yn 'e tsjerke to Bierum yn Fivelgoa. Op syn grêfstien (1539) steane de rigels fen Horatius: De bleke dea bounzet sünder ünderskie Tsjin de earmene klinten en de rikene stinzen. Hy wier net minder as de oaren in forearder fen Rodolphus Agricola en dy syn hanskriften rekkene er as in djür bisit. De fjirde yn it span wier de learde Alardus fen Amsterdam, ek in Fries fen komöf, dy't de ütjefte fen de Agricola-dokuminten as syn libbensdoel bisköge. Troch de meiwirking fen niisneamde lansljue mocht er bilibje, det yn 1539 de wichtige publikaesje to Keulen ütkaem, dy't de hiele learde wrald en binammen Erasmus mei langstme tomiette seach. Erasmus skreau oan Cammingha: „Jy binne oan Fryslan en jins sibben forplichte jo üt to lizzen op de stüdzje fen Agricola." (Epist. 70, 1528). Do't de greate humanist dit skreau, tocht er sünder mis oan in oare wittenskiplike ütjefte, dy't ek de rom fen Fryslan en it Cammingha-laech forhege hie, n.1. fen de alde Fryske wetten, it earste Fryske boek dat printe waerd. Dêr wier yn 'e middelieuwen in bulte fraech nei rjuchtslearde wirken. De stüdzje fen it Romcinsk rjucht sloech men heech oan. Men rekkene de wetten, dy't ünder keizer Justinianus samle wierne, as foarbylden fen wysheid en binlikens. De skerpste ütlizzer fen it Korpus Juris wier do de béste jurist. Dêr laei it gefaer yn fen skolasterij en getiis mei in üthiemsk rjuchtstelsel büten de Germaenske foltseigenheden en ynstellings om. It waerd in dispetearjen oer 'e mienings fen gnappe juristen, mei forwaerleazing fen 'e earste rjuchtboarnen. It hat de fortsjinste west fen de humanistyske skoalle dat gefaer to biswarren. Hja easke it oanboarjen en ütjaen fen 'e boarnen selme. De skriuwkinst krige it dêrtroch mear as drok. De toarst nei ündersiik waerd sa gleon, det de skriuwers de üntjowing yn hjar feart net mear byhalde koenen. It kopiearjen wier swier wirk. De han waerd wirch. It each waerd dizich. En de fraech nei boeken boaze oan. Do kaem om it midden fen 'e 15e ieuw hinne as in forlossing, as it ynlieden fen 'e nije tiid, de geniale ütfining fen de boekprintinge. En lyk as in fonkerein forspraette him de nije kinst, de ütfining fen it bliuwende. Foar en alear yn 1442 to Mainz it earste boek printe waerd, stie de biskaving bleat oan it forlies fen 'e kostberste skatten. De achteleazens fen in kopiist, de euvelmoed fen in tyran, de loge fen oarloch en himelfjür wierne foldwaende om it minskdom it gouden erfskip to üntnimmen, dat dichter, stoarjeskriuwer ef lansbiwald neilitten hiene. Hwer binne de oerbliuwsels bleaun fen Fryslan's stêdlike wetjowing? Hwer is it stêdboek fen Warkum ef Sleat, fen Harns ef Drylst? Yn beppe kelder troch bran ef soargeleazens. It manuskript — it lichem fen it masterstik — wier forgonkelik en naem de siel, it wirk mei. Dat gefaer wier nou foarby. It masterstik, yn 'e foarm fen in boek, is net mear to deadzjen. Elts eksemplaer draecht nou de kiem fen in nij libben yn him. Sa waerd it boek de trochgeande meiwirker fen üntjowing, ek yn Fryslan. Fryslan hie yn 'e middelieuwen in rykdom fen rjuchtsdokuminten, safolle tsjügenissen fen macht en greatme üt 'e tiid, do't de Friezen en Flamingen de earste hannelsljue fen Jerope wierne (11e—13e ieu). Dy rjuchtsfoarming üntjoech him fen Onderen nei boppen. Fryslan wier it lan fen frijheid, fen autonomy. It rjucht kaem op üt it folk selme. Dêrfendinne is it in spegel, dy't dit alde gear- libben wearkeatst. Doarpen, stêdden, goaën hienen hjar eigen rjucht. Der wier yette gjin sprake fen in Steat, dy't fen boppen öf alles yn in twangbuis treau. Mei it tsjerklik rjucht stie it efkes oars. De tsjerke hie dizze foarsprong, det men hjar ynsettings for ivich en godlik oanseach. It wie „jus divinum," hjoeddeis noch in hoekpylder fen 'e katholike tsjerke en hjar macht. Dêr is de rjuchtsfloed fen boppen nei ünderen. De hegeprêster fen Sint Piter en syn kanonisten soargen for it sammeljen en biarbeidzjen fen it kanonike rjucht. En dochs lieten hja oan üs Noarderstran romte for it foarmjen fen partikulier tsjerkerjucht. Dêr leit yn dit forskynsel hwet greats, hwent yn dy lytse minskemienskippen koene de Friezen hjar rjucht it bést bringe ünder hjar eigen libbensbirik. Ho koe it oars, eft de Fryske rjuchten hiene in forskaet fen kleur en klank. Brocht dit ek in gefaer mei? Ja, sa't frijheid en wierheid en alle moais yn 'e wrald altiten gefaerlik is. Dy sterke individualiteit waerd de démon fen Fryslan. As it miene tinken en helen de Friezen net mear boun en de roede fen 'e fijan yn. en büten de poarte de rêch net strime, den sonk it lan ünforbidlik yn 'e wiele. Fryske iensinnigens foreaske faek in sterke lieder. Sa'n man wier Pibe Sibranda, abt fen it kleaster „Us Ljeaf frowa fen it Dal" to Lidlum (1309—1328). Sibrandus Leo, de kronykskriuwer, mieiet yn syn Vitae et Res gestae Abbatum (ed. A. Mattheus, Veteris aevi Analecta Tom III, 552) dizze geve man as in foarbyldich kleaster fa d en as in foarstanner fen oarder en tucht. En den stiet er mei safolle Wirden yn it Latyn: „Hy hat yn de swierwichtichste saken fen 'e Landagen (comitia), yn it sammeljen en opstellen fen it Fryske rjucht, yn akkoarten, en yn de grinzen fen 'e rjuchten syn oardiel jown." Twisken de rigels sjucht men hjir de swarte démon fen de Fryske twadracht, dy't foartkaem üt it greate rjuchtsforskaet, mar ek de froede, krasse rjuchtslearde dy't it münster bandiget troch it gewoanterjucht yn kleare formules fêst to lizzen. Sibrandus Leo seit it planüt: „Pibe Sibranda condidit jus Frisicum," d.w.s. hy wier de kodiflkator fen it Fryske rjucht. Hwet dat ynhat, kin men it bést neigean by de earste, greate kodiflkator fen it Dütske rjucht, de eale ridder Eike fen om it 1460 jier, ien 't eerst opkommen fen de droekkerijjen." Dizze nuvere oanteikening hat oanlieding jown, det men de inkunabel neamd hat de Eanjumer kleasterdruk. Mar de wierheid is, det yn Eanjum nea net in kleaster stien hat, en it öfhandich Eanjum Onder Beltsum, binoarden Frjentsjer, kin biswierlik yn oanmerking komme. Eekhoff siket to biwizen, yn 1484 scil de printinge pleats foun ha to Ljouwert yn it Dominikaner kleaster, dat stifte is troch it slachte fen Cammingha. Hear Hidde scoe letters krige ha üt Haerlem troch tadwaen fen broer Dirck Symonssoan, dy't üt Haerlem kaem. Mar dat hinget allegearre mear yn 'e loft as dat it stevich op 'e skonken stiet. Mr. Montanus de Haan Hettema leaut mei Emmius (Rer. Fris. IX, 175) en Schotanus (Gesch. v. Friesl. ed. 1658. blz. 148), det it boek printe is to Keulen. Hy hat dêrfor dizze grounen: 1°. Fryslan koe yn dy dagen noch gjin drukkerij. Viglius fen Aytta joech yn syn tiid oan in miich de biskriuwing fen in drukparse as hwet heel nijs. Dat scoe er net dien hawwe, as de saek hjir bikend west hie. 2°. De merken fen it pompier komme yn 'e Fryske hünskriften net mear foar. 3°. It lettertype is echt Keuls. 4°. De tekst krielet fen flaters, bygelyks riuct for riucht, nordseha for nordscha, allereerss for allerearst ensfh. Dit forriedt ünkinde yn 'e Fryske tael, wylst de uterlike druktechnyk alhiel yn 'e es is. Dr. J. G. Ottema leit der alle klam op, det Botte fen Holdinga hear Hidde inkel pastoar neamt fen 'e Dokkumers en Eanjumers. It hiele haedprêsterskip fen Ljouwert forswijt er. Hy pleitet den ek for Dokkum as printplak. Dr. F. Buitenrust Hettema brekt in lans for Leuven. It Quod libitum fen Johannes Varenacker is nammentlik fen itselde lettertype, en Varenacker wier heechlearaer yn Leuven. Ek de Statuta provincialia et synodalia Trajectina binne mei dy letter set. Dizze Statuta binne nei alle gedachten gearstald fen pastoar Goffridus a Doingaterp (berne yn Skingen en forstoarn yn Frjentsjer (Ao 1500), in leard man, dy't forskate boeken yn hanskrift neiliet. Scoe — sa freget Dr. Buitenrust Hettema — dizze pastoar ek de samler wêze kinne fen de Fryske rjuchten. It moat yn elts gefal in great kenner fen it Romeinsk en kanonyk rjucht wêze. My stiet noch it meast oan hwet F. A. G. Campbell, ünderbibliothekaris ■ fen 'e keninklike bibleteek, dreech ynkunabelkenner yn 1852 oan Mr. J. Dirks to Ljouwert skreau: It wirk is net yn Keulen printe. Dit is my sa klear as glês üt it forlykjen fen 'e letters mei dy't brükt binne troch alle boekprinters yn dy stêd. Ik haw hünderten Keulse drukken fen 1466—1500 ünder eagen hawn en gjinien stimde hielendal mei it wirk yn kwesje oerien. Nei alle gedachten scil it printplak yn 'e provinsje Fryslan socht wirde moatte. De tael fen it wirk wiist dêrhinne. It hat altiten, mar binammen yn de XVe ieu ta de seldsume ütsünderingen heard, det in boek printe waerd yn in tael, dy't net de lanstael wier. It tsjügenis fen Botte fen Holdinga weacht swier as hy skriuwt: „Neidet de snoade en nuttige kinst fen it printsjen üttocht wier, hawwe inkele, meast bigoedige lansljue hjir daelk lyts'e parsen for eigen rekken meitsje litten en dy yn hjar hüzen pleatst om hjarsels yn dy oerhearlike ütfining to oefenjen en oaren de gelegenheid to jaen om hjar dêrfen to bitsjinjen. De letter fen dizze ynkunabel is gloednij en nei alle wierskyn for de earste kear brükt. Dat kin men sjen üt de tige eptigens fen ófdruk, binammen de punten oanbilangjende, dy hiel fyn en as krüskes foarme, al gau ófsliten wêze scoenen. De printer wier danich op 'e hichte fen it fak en mei itselde materiael scoe men nou gjin better wirk leverje kinne." My tinkt, yn 'e foetprinten fen Campbell, kinne wy mei frijmoedigens foartoan prate fen de Fryske ynkunabel. Om nou dizze alde rjuchtkanon mear ünder 'e miene man to bringen, wol ik in oersjuch jaen fen 'e ynhald. Hja bigjint mei dit foarwird: Ta eare fen God en syn ljeave mem Marije, fen it hiele himelske hear en aller Friezene frijdom, en ta in sounerlinge memoarje fen it Fryske lanrjucht, dat üs jown hat kening Karei, keizer to Rome, do't de Friezen de stins fen Rome oermasteren. Hwent hja wierne allerearst Hifeigen en droegen houten jokken en neitiid waerden hja de kening syn hearnëaten; hokker rjuchten kening Karei en Paus Leo de Friezen hjitten om to ünderhalden lyk as hjar Kerstennamme. Om dizze rjuchten nammens to better to finen en to ünthalden, en dy't men net ünthalde kin om hjarren wer to siikjen, folget hjir in tafel ef register, dat jo ütwize scil, ho't jy fine meije de puntenj dêr't dit boek fen roert, en it wirdt dêrta dield yn XVII dielen. Mar earst kriget men noch in lytse rjuchtskatechismus yn fraech en andert, b.g. Hwet is rjucht? Wittenskip en kinst fen it rjuchte en goede. Hwet bitsjut it rjuchte en goede? It rjuchte bitsjut rjuchtfeardige en earlike dingen; sa bitsjut it üs de Paus. Hwet bitsjut it wird goede? Nuttige en earlike dingen, seit de Keizer. Ho mannich rjucht is der ? Twa: in godlik en in minsklik. It earste is dy oanberne, en it oare moastü leare; it iene is natuerlik en it oare is ynsteld, ensfh. De earste ynsetter fen dat rjucht wier kening Numa Pompilius to Rome. Dy foun ek earst de getallen üt yn 'e Latynske sprake, unus, duo etc; hwent de Latijnen leinen alear stiennen, dêr't it getal mei ünthülden waerd; wite stiennen ta ljeaflike saken, en swarte stiennen ta lilke saken. Dizze Numa wier de earste kening nei Romulus; hy timmere it earst de stins to Rome en bineamde hjar. Hy hjit dêrom Numa, om't hy de earste wier, dy't it jild mei keizerlike byltnis muntsje liet. Hwa joech de earste fredeban op 'e wrald? Keizer Octavianus. Do neamden hja him foartoan Augustus. Dy deis barden der twa greate wünderteikens yn Rome. Hja seagen oan 'e himel fen 'e moarn oant de middei trije sinnen skinen; dêromhinne stie in reinböge, sa ljocht as de loge, en dizze kamen to'n léste gear. Ek Ontsprong dy deis to Rome in boarne fen oalje üt in boerehüs en roun üt yn 'e Tiber mei folie streamen, in gansk etmiel, wylst it folk de stêd ynkaem. Do spriek de kening mei gejüch: Nou is hiel de wrald, eang fen üs wapens, yn it leech, en ta miene frede kommen; nou wol ik de frede mei deugden sterkje, en ta treftige dingen twa nije rjuchten ynstelle, dy de kweaden keare en de earmen biskermje, det it tón mei rjucht stiet en nimmen de frede oanfjucht. Dit is it earste, ik gebied, det de foltsen, dy't hjoed büten hjar lan binne, nei hjar lan werkeare, frij fen alleman en jowe tins de Romera hearen, wenje by hjar frjeonen, wize hjar eigen erf en winne hjar eigen güd. Dit wier de earste fredeban, dy dizze wrald ien makke, fen it óanbigjin oant hjoed, sa barde it nea net det hiel de wrald ünder ien man ta miene frede kaem. It bitamme ek wol, det de ierdske kening de frede gebea, do't de himelske Kening kommen wier ta de minsken, hwent it wier deselde dei, det Christus yn 'e kribbe lei. Dat wier in skoandere dei yn Rome; sa skoander wier de nacht yn Jeruzalimlan, do't de Ingel kaem ta de harders en alle goedwillige ljue frede boadskippe: Gloria in excelsis Deo. Hwa skreau de rjuchten allerearst? Pompejus de greve bigoun se to sktiuwen. Do woechs him sa'n greate niid, det hy liet it bliuwe, Julius en Octavianus hiene it ek bigoun, do waerden hja ünforhoeds mei de dea biroun. Dërnei, do it Kerstendom üntstie, waerden de rjuchten stéfêst en goed, do't God syn folts de genede joech. Theodosius hjitte de hear, dy't se allerearst skreau en neikaem, as gjin keizer yn 'e wrald formocht. Neitiid wier dêr in wüs keizer yn Rome, Justinianus wier syn namme, dy't de rjuchten allerearst ienige, dêr't hja yn twaspraek wierne en koarte se dêr't hja to mannichfald wierne. Dêrom sit hy yette yn Rome öfbylde op in gouden troan, mei in boek yn 'e han, dêr't de rjuchten op stean. Op it paleis kin men ek yette dizze wirden miele sjen: Do't men Justinianus keizer makke, wier dit de hiele wrald nut, hwent hy samle üs rjuchten allegearre en koarte se sterk yn. Hwa stelde de wilkerren allerearst yn ? Keizer Justinianus. Dizze Justinianus seach yn mannich lannen forskaet bihoef. Do joech hy tawird, det elk lan for syn besonder bihoef wilkerren karde, en ta rjucht haldde, mar det hja dy net tsjin de wet noch tsjin Gods hilde makken. Dizze Justinianus wier de 53e keizer nei Octavius, dy't de wrald mei de earste fredeban ienige, 1277 jier nei Numa, dy't de rjuchten it earst ynstelde, 577 jier nei Christus' berte. Hy wier 137 jier nei Theodosius, dy de rjuchten it earst skreau, 227 jier foar Karei, dy de Friezen de frijheid joech." Den folget in rymstik fen sa'n 60 rigels, dêr't de earste helt fen giet oer it Romeinsk boargerrjucht: Dat een man onder da galga stoed, Ende coemet him to moed Dat hi op da Roemscha burgerschip teghe Ende hy 't allerwerdic lege Hi moste wessa ontbonden Ont het toe Roem weer bifonden. De oare helt giet oer de wetjowing op Sinaï: Dy birg, deer Moysis op stoed Dy barnde oen en liachte gloed, Dat di loegha den himel rachra Alle dae froertich nachta Deer God mey Moysi uppa bogade, Ende hem alle riuchte leerde ende wegade. Hjirop folgje de tsjien geboaden yn dizze frijhwet fen 'e Hebrieuske tekst öfwikende redaksje: Israël, dyn God is in wier God, him scilstü tsjinje en syn eare mei gjin frjemde goaden mingje. Israël, dyn God scilstü gjin byld meitsje fen alle kreatuer, dat by de himel fljucht, ef op de ierde swerft en yn 'e wetters swemt; hwent ik wreekje myn ünnocht oan't it fjirde en leanje myn nocht öan it tsjiende skaei. Israël, de namme fen dyn God scilstü net oerswarre, noch ta hwa idelnisse optsjen, sünder need. Israël, it halden fen 'e snein scilstü net forjitte. Dizze fjouwer geboaden wierne op ien tafel. En dizze seis neifolgjende wierne op in oare tafel. Israël, earje dyn heit en mem, detstü lang libbest op de ierde. Hoedzje dy fen hoerdom. Hoedzje dy fen manslacht. Hoedzje dy fen tsjefta. Hoedzje dy fen falsk tsjügjen. Hoedzje dy fen onnutte bijeringe aller dingen, dy't dyn neiste mei mear rjucht hearre as dy. Mei dizze wirden skoep Mozes goades rjucht en minsklik rjucht en syn fiif boeken, en dêr efter alle profeten en apostelen hjar boeken. En hokker skriften en rjuchten de wrald hat, dy't nuttich en earlik binne, dat bigjint en einget yn dizze tsjien wirden. Hwa stelde allerearst it godlik en it minsklik rjucht yn? Deus, God, do't Hy ider rjucht op syn tafel skreau, do joech Hy se beide oan Mozes. Dêrom scil de prêster wêze in fad fen 'e wierheid, ta tsjügenisse en ta ede. Sa'n selde proloog hat ek it Emsiger rjucht. Dêr is sprake fen de twa stiennen tafels en fen de Israëliten, dy't de Heare God biskerme nachts mei in gleone wolkem tsjin de grime kjelt en deis mei in oare tsjin de greate gloede, en fen Octavianus en hopen Romeinske keizers. Ek de Hunsingoër wetten halde yn „dene bode, sa God selva jef in monte Synai" op twa stiennen tafels, mar yn dizze redaksje: 1. Minna thinna god fore feder ende moder mith in lekera herta. 2. Minna thinne evencristena like thi selwm. 3. Tira there sunnandei ond there helche degan. 4. Minna thine feder end dine moder, hu thu longe libbe. „Dy't üs fen dit rjucht birövet, wirdt biröve fen it himelryk en alle genede. En dy't it'fjucht haldt, him wirdt iepene it himelryk en alle genede. Hwent ien dei yn it himelryk is better as op it ierdryk tüzen jier. Byhwennear der immen wier, dy't tüzen hollen hie, en al dy hollen in stielen tonge, en dy tongen sprieken allegearre tüzen jier, den koene hja net nei eask de blydskip ütsprekke, dy't God syn frjeonen jaen wol. En de pinen, dy't yn 'e hel binne, mei men net telle. En boppe goud en boppe silver, boppe iten en boppe drinken is der yn 'e wrald neat sa swiet as it Godsryk. Dat hat gjin ein en scil ek nea net in ein hawwe. IV. De 24 lanrjuchten. Dizze hawwe ek ieuwen en ieuwen tsjinst dien yn alle Fryske goaën. Dêr stiet bygelyks dy oandwaenlike „needskyn" yn: „As it bern stokneaken is ef hüsleas en de tsjustere nevel en de kalde winter komt" ensfh.; dêr is de hjitizerpröve fen de doopfonte öf ta it heechalter; de woune troch hoarnbeest, hounebyt, hoannespoar en swinetosk; de needröf, needbran, „nachttiefta, dy't buurkund ende geakund" binne; de skeltaban, asegadoem, keningsferd en lyoeda wirde; de bleatfoetkamp en it doemjen by it hirdsté; en it andert, dat de rjuchtlike eigner jowt, dy't men it lan üntkreaut: „Dit tón, detstü my öfeaskest mei ünrjucht, en ta tinge dagest, dat lieten my „myn aldera, myn aldfader ende myn aldmoder" nei, as ik se neame scil, neam ik se wol." V. De 8 doemen gean oer it houlik (net foar it 12e jier), it lean, dat it bern oan syn mem jaen moat 12 jier lang, elts jier 12 skellingen, ynsafier hja it hoede hat fen 8 saken, dêr't hja it fen heart to hoedzjen: fen fjür en waljend wetter, fen 'e sleat, fen hoarsehoef en hoannespoar, fen swinetosk en hoarnbeest, fen hounebyt en skerpe wapens, to foldwaen as er syn breid hellet. Dêr giet it oer tónhier en erfskip en it bern yn oerhoer tele, mei dit einbislüt: „Aldus ist riucht alder wrald ende ewa der Fresena." VI. De 6 Wenden. Dat binne foroarings fen 'e wet tsjin it partijwezen, as men by ljochte dei en by skinende sinne twa hearfanen oprjucht en twa hearbinden gearbringt; tsjin de falske minter, dy't bitrape wirdt mei falske mint yn syn kiste ef skie, yn syn girl ef pong; tsjin it rövjen fen in wiif, „endma hja bifynt binna dora ende binna drompel, endma hia deer ut wint, mit lioda twang ende mit frana ban, ende hja wopen ropende is"; tsjin stellen en fjuchtsjen. VII en VIII. It Seendrjucht jowt biskeid oer in stik tsjerklike rjuchtsbidieling. De deken iepent mei it gebet: Veni Sancte Spiritus! (Kom hillige Geast). Den freget er oan 'e bywêzigen: Is it tiid for de zeend (synodus)? Dêrop lést er it banformulier foar, dat alle gewelt ef onrjucht for biedt en elts oantreastget syn waeksskot, büterskot, deekma (tsjienden), minder skot ef oare skild oan 'e godshuzen foar de klachte to biteljen, yn safier men ünbanplichtich bliuwe wol. Den moannet er de iedswaran (geswoarenen) om by de ied, dy't hja swarden de wierheid to sizzen, en de ljeagen to litten by hjar oanklacht. Einlings wirde in hopen misdieden, dy't banskildich meitsje bibanle: houlik yn forbeane graed, sabbatskeinen, lykröf, alterróf, oerhoer, fjuchtsjen ensfh. Neffens dizze mear algemiene „sinneth-riochten" binne der ek spesiale geastlike rjuchten, b.g. for de Boalserter dekenije yn 43 punten yn twa lezingen (1° fen 1277, 2° fen 1404); de 39 „ponten deer begripen habbit dae prelaten ende heren der mena paepheit van der calenda toe Waghenbrugghe, om helpe der onnosela lioedena, ende omme netticheed der hele meente des delis to Wagenbrugghe (= Wymbritseradiel); de ponten fen Frentsjeradiel, en tha punten ende tha eningha, deer dae leeken ende thi dekken fan Leowerdera sindstalle, fen Wirdoem, Wartena ende Grouwa, owereen dregen sint, dae misdedighae to pynghjen ende dae onschildighae to helpen." En den is üt it Bremer bisdom yette in seendrjucht oerlevere yn 'e Fryske tael fen de Rüstringers, dat foar 1210 opsteld is. Ek binne der twa Seendbrieven yn it Frysk, ien üt 1276 fen 'e Munsterske biskop Everhard for Iemsgoa, Brokmerlan, Oldampt en Reidertón (Richth. Rechtsg. 140) en it Uskwerder brief fen 1393 (Bijdr. pro excol. jure patrio, 1872, 227). IX. De jelden enis daedslachtis. Dit stik rint oer it rjucht, as de frije Fries in oarenien deaslacht. Dat wier yn dy tiden daegliks wirk; hofolle soenjild moat den bitelle wirde? En hwet is it rjucht fen hearwei, lykwei en himrikwei ? Hwet fen syl en sédyk, fen wettergong en mienskar, fen skip en hiem, fen lean en tol? Op dy fragen jowt dit diel in andert. X. De Wilkerren fan da fijf delen. Dit is ien fen de alde rjuchtsülrken üt 'e 13e ieu. It bistiet üt de Wilkerren fen 'e fiif grietenijen om Frjentsjer hinne, dy't fen aids yn in forboun ta inoar stienè tsjinoer it sterkere Wildinghe (Wünseradiel) en Wymbritseradiel). XI. Fan da birecknada boeta. Dit bifettet de boetetaksen, dy't men yn alle Fryske rjuchtboeken werfynt, alhowol mei foroaringen. Eltse grietenij hie sa'n boeteregister. Alle tinkbere forwouningen en mishanlingen wirde der opsomme, mei noch de dèrfor to biteljen boeten. It hawwe wol wylde tiden west fen duustwengh en swymslach, fen forfangh en fliueswerp, fen bloedresene en wirsenakerf, fen werbreeck en wlitewimelsa, fen fellis oenflecht en lydweien, fen metedulgh en gersfallich lappa en safolle oare blessueren, dêr't men nou gjin namme mear fen hat. XII. It Keizer Rudolfsboek, dat syn namme hat nei keizer Rudolf fen Swaben (1077), dy't it rjucht joech, sa't it hjit „binne Bordeus" (= Bardewyk). De keizer treastget de Friezen oan ta fjou wer dingen: Alderearst, omdat Helghe land lef hit stode an der heidene hand. En oer, om dat Roemsche land, lef hit wolde fan der cristena hand Dat tredde, omme dat huus bi dae Rine Deer heert toe dae goede Martine Dat fiaerde om hiara ayne fridom. En den jowt it in rige rjuchten, dêr't allerlei sagawirk trochhinne arbeide is, fen de Dionistria, de kening fen Cherub, en dêr't ek Mozes, Samuel, Nebucadnezar en Pilatus byhelle wirde. XIII. Da merkedrjucht. Dit kin men wol thusbringe yn'e 11e ieu. It tsjinne om it merkfolts to hoedzjen for falske miette en munt, for falske jelne en ünrjuchte tol. XIV. De saun swarte Swenghen. Dit is in rige misdieden, lyk as moard, slaen, simony en oare, dy't nimmen üntbine mei bihalve de paus. XV. Da schaeckraeff. Dit is in birövjen fen hüs ef skip, fen kreammer ef keapman. XVI. De Wilkerren fan Upstallesbaem. Yn it jier 1323 stelde it Upstalbeamske forboun, dat in Höf fen Arbitraezje wier by internasjonale skelen en de iendracht fen 'e Fryske goaën bifoardere, dizze statuten fêst, dy't wichtige foroarings brochten yn it oant nou ta Jildend rjucht. Binammen waerden misdiedigers bidrige mei krasse straffen en boeten, dy't jildich wierne for hiel Fryslan twisken Fly en Wezer. XVII. It lyts traktaet fen de saun sélannen. Itneamt de Fryske gebieten op, fen West-Fryslan oant Butjadingerlan, mear as rjuchtsgebied den as ierdrykskindige omskriuwing. Fen West-Fryslan, Westergoa en Eastergoa wirdt sein: „Hja sint eta fry ende oers neen hera bicannet hihalve dyn keyser des Roemschen rikes. Mer onteliike schada ende manich oenfiuchtinga ende grata bloedstirtingen habbet disse landen lit om dyne frijdom to bischyrmen, hwelck hem is joun fan dine grata Koninck Kaerl. Ende deer to manich sweer striden habbet slain jenst dine Grewa fan Holland om hiara land to bischyrmen. Yn dit Korpus fen Fryske foltsrjuchten skülje bare swiere riedsels, dy de wittenskip net gau oplosse scil. Tsjien fragen foar ien geane hjir oerein stean. Hokker forban hawwe dizze rjuchten ünder inoar? Hokker is de aids te foarm? Hokker bistandielen binne der bykomd? Yn hofier hat men yndied dêrnei rjucht spritsfen? Hwa wier de earste redaktor? Yn hofier wirke it Frankysk rjucht dêrop yn? Wier dizze rjuchtstael ek de tael fen alle dagen oan 'e haven, op 'e merke, yn 'e hüs? Komt de taelkleur fen 'e goaspraken der ek yn üt? Ho stiet it mei de hanskriftlike oerlevering? Sa kin men mar trochfreegje. En de Fryske filology stiet amper oan it bigjin fen dit ündersiik. Ien fraech baernt füleindiger as de oaren. Hwet hat hear Hidde dêrta brocht om dizze priislike ütjefte to dwaen? Men stiet hjir for in selde probleem as by it Boalserter stêdboek fen 1455. It wierne dagen fen ünbitinklike forwyldering. En dochs wirdt mids dy chaos in stêdboek kodifiseare, dat klinkt as in klok. En hwet is it geheim? Mids de anarkyske tastan stiet de sterke stalte fen pater Brugman, dy't op de wetjowing fen Boalsert syn stimpel set. It tiidrek fen hear Hidde wier steatkindich gjin hier better. Hwet wier der .oerbleaun fen Great Fryslan üt 'e Brunone-ieu? De beam Kjfrera godcs.fvnre Uancr moder i9ft)i!ria,allc ors bimclfcbe beerfebt. pcs.£ndealrefnftfrefena fridom &ndc in een fondcilinge memorie nes tf reenXa landnuebtts deer vua bnctb ioun oi.lRontngb Iftaerl kef ferto IR-ocm oac nae frefenoa Lm fnen 10 roe wrueeraen uiuiu Dyaaiacraerit avn weren ende na boltena tmtta drogben ende deer nei des komn gbes beernatcn worden buclka riucbté 01 konigb kaerl -fl oacf refen bifacl &nde oipacus leo dat biaef bilden als 2j bia oinc rrifrena naema CJTS>m oiji'c nucbten'tbi bet to -< fiden .ende to ontbaldcn ende peerma naet ótbalda mev jj meer to fekanc CpSoe folgedpyr nei een t.icfm of een JJi regifter deer ioe rot wifa fcbil buoe vmogen fynda oae / punten ocer dit boeck fan rorende ia. Siide mirt deeld Sm fpu oelcn-C^Patarftcbigbihtaldus USaeeïermebt Jhift ende konft.oat oder oeel fan na faun kerre.oat tred // t>e ie fan na keften.nat fiardc i9fandajctuiilar,drinebta ' Dat fyfte ie fanda aebt oomcn.oat fefte is fan da (er wé den • oat faunde is fan oatfuid rinebt int generael cae aebtende is fan oat ftnd ruicbt intfpectael. oat niogéde is fan oa icldcn enis oacdflaebtts. oat tiende'is fan oae wilkerren fan oa fff oelen .oat alfte is fan oae birecfena oa boeta.oaf toelftc is oat boeck ocs kevfcrsrodulpbi oat ttettieiidc is fan oa merkedrmcbt.r>at fiartcencic is fanda fwenefwengben. oatfyftiende is fanda febaeck raeff.natfcFtccndctsfanda wilkeré fanopftallisbaem oat fuumiende is fanda fann3elanden. . Ifcyr bicibmnct dae rapimlen fan diflc delen forfcrioun FACSIMILE FEN IN BLÊDSIDE UT DE CAMMINGHA YNKUNABEL Bodders yn 'e Fryske Striid 8 stie dêr keal en üntrêdden. Yn 1448 sleaten de Eastfryske lannen biwesten de Iems mei it Saksyske Grins it Ommelanner rjucht öf, dat net mear yn 'e Fryske, mar yn 'e Leechdütske sprake gearfette wier. Om 1450 hinne krong it Leechsaksysk him mei macht yn it rjuchtsproaza fen 'e trije Eastfryske gebieten. It Ommelanner rjucht fen 1448 brocht ta utering, det Grins nei taeije striid einlings de fadije oer it Fryske Hunsingoa en Fivelgoa woun hie en sont dêrmei forienige, in nij polityk wêzen, de provinsje fen „Stad en Lande" foarme. Bieasten de Iems folge yn 1464 de formaesje fen it greefskip East-Fryslên mei de skerpe bigrinzing twisken de Leechlanske en Dütske dielen, sa't wy dy hjoeddeis kenne. Yn 1515 is East-Fryslan ünder greve Edzard de Greate in öfsletten rjuchtsgebiet. Westerlauwersk Fryslan wier it iennige oerbliuwsel fen GreatFryslan, dat Frysk bleaun wier. En mids de greate öfbroazeling hie it gjin nije skeppende krêft, mar it hie in man, dy mei ynlike forearing it heitelan mei syn ljochtsjend forline ljeave. Dat wier Hidde Cammingha. Syn ütjefte fen it Korpus Juris Frisici wier in died fen ljeafde for Fryske tael, skiednis, frijheid en ienheid. De need fen Fryslan twong him om fêst to lizzen hwet noch fêst to lizzen wier en hinne to wizen nei fordwoune greatme. De politike ünwissens fen it lan moast tobekwirkje op 'e nasjonale geast en towekker roppe in lokael patryotsk forset. Lyk as Dante en Petrarka mids in heislike spjalting in Great-Italië proklamearren, dêr't it heechste stribjen nei ütgean moast, sa hat de Eanjumer prêster mear sjoen as it gesicht fen syn uterlik each. De greate kliber wist dêr net fen, mar de dragers fen 'e Fryske gedachte forstiene hwet it bigjin fen syn kode sizze woe: Ther era Godes, synre liaver Moder Maria, alle des himelsche heerschipes, ende alre Frie Fresena fridom. Hja tochten ek hjarres by it sjen fen dy wündere slütstien oan it bouwirk: It kleen Traktaet fen da saun Zelanden des gansen landis fen Freesland mei syn tobiheer ende eylanden, dêr't dizze kaei oan hinget: (19 Oct. 1507), dat syn namme hat nei de Bergumer müntsen, dy't dêr skepper en skriuwer oer wierne. It spoar Ljouwert^ Fean giet dêr nou, flak by de oerwei, dwêrs troch hinne. Fen syn alders Folkert fen Aytta èn Ida Hania wier er de twade soan. Kapellaen Otto joech him yn it Swichumer tsjerkje it hillich sakramint fen 'e dope. By dy .plechtichheid hjitte syn omke Bucho: „Dompelje him ek mei de foetten yn it wetter, det er fêster yn it kerstenleauwe stean mei." Tsjaerd Hania, syn omke, tilde him üt 'e fonte. Do t er saun jier ald wier, krige er it sakramint fen it foarmsel. Syn opfieding wier ynroomsk en yn hannen fen syn omke Bucho fen Aytta, dy't him as in eigen bern oannaem. Dizze knappe steatsm'an, frjeon fen paus Adriaen VI en Erasmus, öfgesant fen keizer Karei, liet him yn 'e stêd fen Ljouwert grammatika en it tsjerkegesang leare. En sont gie it al heger op nei Dimter, Utert, Leuven, Dóle. Omke Bucho forstoar 3 Des. 1528 en formakke him syn boekerij mei in flink legaet, sadet er trochstudearje koe. Fen dy tiid öf datearet syn frjeonskip en brieveforkear mei Erasmus. Ut dy brieven nim ik in hap en in snap oer: „Myn omke Bucho hat jo tige ljeave en tsjin „füle brimsen" fordigene. Ik forsiikje jins frjeonskip en priizje Hajo Cammingha lokkich, dy't troch 'n dei yn Bazel by jo is. Langstme om jo to sjen biwaldt my (1529). Mochten in hopen Friezen jo net minder ljeavje as myn lênsman Zacharias Dejotarus, jins tsjinst- en learfeint. It heart. tinkt my, ta de lof fen üs Fryske naesje, as hja jins fortsjinsten heech set en hjar jins ljeafde weardich makket. Hector Hoxwier, myn lansman, docht yn it forearjên fen jo net for my ünder en it fornoeget my, det hy yn jins album ynskreaun is (1530). Hald net op jins Viglius to ljeavjen, dy yn syn ljeafde for jo by nimmen efterstiet (1531). It foarbyld fen Rudolf Agricola stiet my foar eagen en bisielet my. De genius fen it Fryske heitelan treastget my oan by myn stuedzje (1532. Padua). Ik sjuch, Melanchton set him danich to skrep for de „methodus" (1533). Erasmus warsköge him for mienskip mei de Doperske sekten yn Bazel mei dizze wirden: „Al bistü it iens mei hjar learstikken, lit it net blike. Bistriid hjarren net. For in rjuchtslearde ic it foldwaende hjarren to forrifeljen lyk as in stjerrende de divel forrifele. — Hwet leaustü?" lustere de divel. — „Hwet de tsjerke jeaut." — „Hwet leaut de tsjerke?" — „Hwet ik leau." — „Hwet leaustü?" — „Hwet de tsjerke leaut." Ik forhoopje, det dizze warsköging oerboadich is (1533). Wigle antwirde: „De lear fen Bazel oanbilangjende scil ik jins rie opfolgje en tankje ik jo dêrfor. Ik stean sa foar 'e godstsjinst oer det ik utersté net byleauwich bin en allikemin maklik nije learingen en dogmen oannim. Dêryn bin ik jo net allinnich folge mar haw ik jo as foarbyld nommen, sadet hwet jo goedkarden ik ek omearmje koe, en hwet jo öfwiisden, ik dat üt oertsjüging forflokte" (1533). As offisiael fen it bisdom Munster seach er fen hiel tichteby de godstsjinstige forbjustering fen it Anabaptisme. It nije Sion, dat Jan fen Leiden en syn profeten ta himelstêd ütrópen, wier him in spoeksel üt 'e hel, in fortraepjen fen alle minsklike en godlike rjuchten. „Hokker Hydra" ■—j skreau er oan Hector Hoxwier — „hat dy hollen dronken makke!" Hy hie it grou op dy „forheftige sekte fen Kalvyn" en syn winsk is: „God mei him Üntfermje oer syn tsjerke en in heilsume rie bisiele üs kening om dizze ramp to kearen." Godstsjinstfrijheid wier him üt 'e Kweade, in liedsfrou nei heidendom en atheïsme, net nei de feilige skieppekoai fen Christus. Ut dit brieveforkear kin men genöch opmeitsje, ho Viglius de Reformaesje bisköge. Dizze brüzjende stream wier him yn ien wird in „irreligiosa religio" (1537). En it moeide him tige, det de nije lear sa rom baen krige yn it Fryske lan. Hy hat den ek letter bifoardere, det Dominikaner preekhearen ütstjürd waerden om de Friezen wer yn it alde paed to krijen. Dit naem net wei, det er dochs woltomoed yn 1541 üt Ingolstêd in hoflik brief skreau oan 'e Reformator Melanchton, dat hjir op delkomt: O myn Phillippus, ik biwünderje jo om jins leardens, mocht it nochris reisje ta in ütslütsel fen 'e rampsillige godtsjinststriid. Keizer Karei bineamde him yn 1535 ta riedshear yn it Rykskeamergerjucht fen Spiers. Fiif jier wier er heechlearaer yn it rjucht to Ingolstadt. Yn 1543 waerd er lid fen 'e geheime Ried yn Mechelen, dêr't er letter de foarsittersstoel fen ynnaem (1549). Hjir waerd de jierrenlange frjeonskipsban frissele mei syn lansman Joachim Hopper üt Snits, hwaens skaei üt Hemelum wier. Philips üntbea Hopper yn 1566 nei Madrid as opperste Ried oan it Hóf, dêr't er de Nederlanske saken to bistjüren hié. En dêr üntstie it opmerklike brieveforkear twisken him en Viglius, dat S. Gabbema yn 1661 üt joech, hokker ütjefte Hoynck van Papendrecht formeardere en forbettere yn syn Analecta Belgica. De brieven oan Hopper en oaren kamen üt troch de soarch fen biskop C. F. de Nelis (1802). Dizze hünderten brieven lizze de ynlikste tinzen en flelings fen dit frjeonepear bleat, binammen hjar heitelanske ljeafde. As Viglius it oer Fryslan en de Friezen hat, den is it altiten: mea ef nostra Frisia, nostra optima patria, nostra communis patria, nostri Frisii. De Noardsé is it „mare Frisicum." Gjin brief gie nei Madrid — en dat barde hast om 'e oare wike yn 'e jierren 1566—75 — ef de Fryske saken waerden dêryn bihanle. Yn syn swalkersjierren forgie er by riten fen üriwennigens. Ut GEMMA FRISIUS Padua skreau er 26 Sept. 1532 oan Hector Hoxwier: „Gjin lichte langstme nei myn heitelan en alden, dy't ik yn 13 jier net sjoen haw, trillet yn my. It thüskommen scoe wolris net folie oars ütfalie kinne as fen Ulysses, dy't nimmen mear koe." Om it lytse Swichumer tsjerkje dat dêr her yn it Noarden as forlern laei yn 'e einleaze greiden, weve er de swietste oantinkens. Nearne bitsjinne er ljeaver it Allerhillichste, hwent oan dat plak siet it ünthald fêst fen allerlei heechtiden by berte, houlik en forstjerren. In froed en from vikarius moast men dêr oanstelle op in bihoarlik ynkommen om de godlike plichten waer to nimmen yn syn sté. „En as dy in bern dopet, den moat dat foaral en biljeaven barre neffens alde trant, d.w.s. it moat dompele wirde yn 'e fonte en den oerjown wirde oan peter ef meter, dy't it oannimt en hevet boppe de fonte." (Brief 109, 3 Dec. 1539). As Tsjalling Wiarda üt Goutum him nei alle gedachten yn in Frysk brief treastget oer de dea fen Bucho-om, den makket er yn it antwird üt Bourges eksküs, det it Latyn is, mei dizze wirden: „ik haw soarch, det ik it net suver boekstoaije kin" (brief 8, bl. 20 (1529). Mar oars wier de tael fen it heitelan him o sa hiem. Dat kin blike üt de Fryske stikken, dy't Hopper yn syn brieven laske. Men is mei dat Frysk net sa gau klear. Mr. Groen van Prinsterer hat er gjin wird fen bigrepen. Mr. Beucker Andreae forklearret de tekst for bidoarn, mar dat fait by neijer ynsjen hwet ta. Ik jow se hjir wer nei de ütjefte fen biskop de Nelis. Neffens in brief fen Augustus 1566 is it skriuwen „Gaestmannice," d. i. yn it Gaesterlanske dialekt. Der binne fiif fragminten, dy't ik yn 'e hjoeddeiske stavering oerset. I. 25 Juni 1566. Die haedlingen hier sidze, dattet trochstitsen werek is tuiska vus gruete haedlinghen en dae ora dio in dat fesza to Brussel wieren en dat deen en dora da sella lioed sint. En ja frige sa folla fen thaedhling hier dat hy naet lyts dier yn beswyrighet is, en naet wol dier trock ken, wy sinen wed dyr mey belaen is. (De haedlingen hjir sizze, det it trochstitsen wirk is twisken üs greate haedlingen en de oaren, dy't yn 'e finzenis to Brussel wierne en det de iene en de oare deselde ljue binne. En hja frege safolle fen it haedling hjir, det hy net in bytsje dêryn biswierrige is, en net wol der troch kin, hwa fen sines der wol mei bileanne is). II. 12 Aug. 1566. Tzelle dat coebel dier is, det de fox sinc en hat folie petear, maer lytz bytioed. Mis hier graetelick beswyriget foer Antwerpen en Maestricht; God wolt to en better weynde. (Itselde det Coebelius (riedshear fen Margaretha fen Parma) der is, det de foks sjongt, en hat folie petear, mar lyts bitsjut. Men is hjir greateliks bi-' swierrige for Antwerpen en Maestricht; God wol it to'n bésten keare. III. 29 Aug. 1566. En yoft jaet aeck duaen schilla dat jae schieret habbe. (En eft hja it ek dwaen scille hwet hja foarnommen hawwe). IV. 29 Aug. 1566. Dio haedlingen habbe better kaep youn dat ya sioen habbe socke en licka singha. (De haedlingen hawwe better keap jown do't hja sjoen habbe det sokke en like dingen sein (waerden). V. 24 Febr. 1572. Mar by dier is, hie al te verre schrieu, dat me naet leauwe moet, dat Vus Hoed dier sidze en dierom ist naet mughlyck hette to duaen. Hetwelk zuinde zeyde ik dat hen den belaafve sold, dat ick schriou, dat zyn bijerte zoe is, troch dien datter volle Hoed oen twrflen, wierop hy my joech foer antwird dattet vuytmiete wol dien sil wesse, in hum seer liaef, dat at syn tienners dier yn het beste dwaen, lyck hy zycker wyt dat U. E. haet dien. (Mar dêrby is, hy altofolle skreau, dat men net leauwe moat, det üs ljue dêrre sizze, en dêrom is it net mflglik hwet to dwaen. Hwet sa wêzende, sei ik, det ik hjarren den bilove scoe, det ik skreau, det syn bijerte sa is, trochdet der folie ljue oan twivelen, hwerop hy my joech for antwird, det it utermiette wöl dien scil wêze en him rige ljeaf, det al syn tsjinners dêryn it béste dwaen, lyk as hy siker wit, det Jo dien habbe). It sprekt fensels, det Viglius dizze heimlike tyngen yn 'e Fryske tael op it earste lézen forstie, en det hy ek fen goefryske tonge wier kin men merlcbite üt it foarfal mei in Fransk öfgesant. Dizze kaem yn Brussel en spriek him oan yn it Fransk. Viglius biandere him yn it Frysk. Do't dizze dêr hik om waerd, sei Viglius: „Binne wy mear forplichte jimme tael to learen as jy uzes? As wy yn Frankryk komme om hwet to freegjen, brüke wy de Franske tael; dêrom is it rjucht, det jimme üs in forsiik dogge yn üs sprake ef oars Latyn prate; dy tael is ynternasjonael." Under alle skatten, dy it hbben him brocht, wier de frjeonskip him mei it djürst. Hy hie in frjeone-album dêr't in bulte nammen yn stiene. En dat wier net for de staesje, mar in ljeaflik oantinken. „Ik haw" — forklearre er — „frjeonen nea net koel bihanle; hja kinne my gjin üntrou forwite. De alde wet haw ik hanthavene: „Amicorum omnia debere esse communia," d. i. Alle frjeonedingen moatte mien wêze (brief 95, Ao 1537). Büten Hopper hearde ta de sibbe frjeonen de Fryske historiograef Suffridus Petrus. Dy hie syn. bineaming as skriuwer en bibliothekaris fen kardinael Granvelle to tankjen oan Hopper (1562). Do't er for de nije post yn Brussel kaem, stiek er daelk op Viglius óf. Hy en Hopper joegen him de rie de Fryske skiednis üt 'e pin troch Fryske stamgreatskens en op wrakke founeminten boude. Hy leaut palfêst oan 'e stamfaer Friso, en dêrta biropt er him op Johannes Trithemius (1462—1516), de abt fen it Benediktiner kleaster Sponheim by Kreuznach, dy yn syn wirk De regibus Francorum dy saga ek as skiednis fornijt, op de Prosopographia fen Heinrich Pantaleon (1565), en op in kronykskriuwer Hunibald, dy miskien nea net bistien hat. Viglius stie mear kritysk foar dy fabelhafte oarsprongen oer. „Ik scil" — skriuwt er oan Hoxwier — „Gruno en Friso en oare stifters, dy Hunibald en Trithemius optocht hawwe, mar rêste litte" (Brief 114). Wol stiet by him fêst, det Fryslan de aldste en achtberste namme ünder 'e Germanen bihalden hat. Net minder warde Viglius him for de kartografy fen it heitelan. Under it biwald fen Karei V kaem der great forlet fen bettere kaerten en tagelyk ek fen bettere projeksjemethoden, kaertearringe en fjildmietkinde. Binammen de Dokkumer Reinder Gemma Frisius (1508—55), prefester yn 'e mathematika en medisinen to Leuven, learmaster fen de greate Gerard Mercator, levere dêrta baenbrekkend wirk yn syn Libellus de locorum describendorum ratione (1533), dat it earst foarskriften joech for in treftige triangulaesje. Mei dit boekje slacht er mids de geografen for master op. Hy joech in kosmografysk learboek üt, makke wraldkaerten en mei Gaspar fen der Heyden en Mercator in ierdglobe (1537). Lans de wei, dy't hy oanjoech, wier it mooglik wirden sekure spesiaelkaerten to teikenjen. De greatste fortsjinsten krige yn dit stik fen saken Jakob fen Deventer, dy yn 1545 in kaert fen Fryslan printe. Ek teach Idzardus fen Sickinga oan it wirk. En sa kamen ta stan plattegrounen fen Ljouwert, Snits, it dekanaet Eastergoa, it Bildt, Jevertón en it doarp Swichum mei omkriten. Dit wirk rekke allegearre klear troch Viglius' soarch en oantreasting. Hy is de greate driuwkrêft. Men kin dêr syn brieven op neilêze. Hy wier al yn Ingolstêd hantlanger fen Petrus Appianus, dy bettere kaerten fen Jerope teikene en him ynljochte oer 'e Fryske lannen. Hy frege Hoxwier dat wirk ek to stypjen. En den biskriuwt er yn it koart de stamgrinzen fen Reker oant Wezer, en neamt Aurich „it forneamde sté for de alde gearkomsten fen 'e Friezen." Do't Jakob fen Deventer earst in treftige kaert fen Fryslan ré rjuchtslearde, dy net minder Frysk-nasjonael fielde as Hopper en Aytta. Hy skreau Hopper Fryske brieven (1569). Hollansk koe er net. For dy tael moast er in aparte skriuwer der op neihalde en do't dy forstoar, moast er üt need syn frjeon Ulrich fen Ewsum yn it Latyn skriuwe (25 Maeije 1583). Spitigernoch binne dy Fryske brieven noch net foun- Hja steane net yn 'e samling, dy't eigendom is fen it Frysk Genoatskip en likemin yn 'e kolleksje, dy't yn 1874 troch dr. Ernst Friedlaender üt Aurich yn druk bisoarge is. Mar dêr bistiet kans, det hja nochris üt in bütenlanske boekerij foar it ljocht komme en in weardige bydrage leverje ta üs taelskat en skriftekennisse. Nei alle gedachten wier fep Albada üt Goënga, dêr't de foar" alderlike stins stie. Hy studearre yn 'e rjuchten to Bourges, waerd yn 1553 riedshear oan it Hóf to Ljouwert en om 1560 hinne syndikus fen 'e Ommelannen. Yn 'e sauntiger jierren naem er om de frijheid en om it leauwe de wyk nei Emden, de greate herberch fen 'e Protestantske ballingen. Syn geastlik libben waerd dêr in stik djipper, sadet men it syn bikearings-plak neame kin. Hy krige nei forrin fen tiid in sit yn it Keamergerjucht to Spiers en yn 1579 wier er öfgesant fen 'e Steaten Generael ta it sluten fen frede mei Philips fen Spanje. It fredes-petear hie pleats to Keulen en waerd halden yn 'e Latynske tael. De godstsjinst wier ien fen 'e foarnaemste punten. Albada pleite for it frije ütoefenjen fen 'e Griffemearde en fen 'e Katholike godstsjinst. Mar de oare party woe dêr neat fen witte. Albada haldde de Steaten fen Fryslan en Grinzerlan trochstreeks op 'e hichte mei de kriichs-operaesjes yn 'e Rynstreek, foaral fen syn lansljue. It hert tilde him op, do't er de Fryske hndels yn 'e strjitten fen Keulen wapperjen seach. Dizze tidings waerden mear as ienris troch de fijan opheind. De planke is do ek ringen öflitsen. Him waerd nou in pleats oanbean yn 'e Generale Steaten, mar hy sloech dit óf, om't syn swakke sounens gjin lange forgearrings en oanhaldend reizgjen forneare koe (26 Maeije 1580). De prins fen Oranje woe him twa jier letter minlike graech wer gesant meitsje. De diplomaetsy sinnige him lykwols net mear. Hy hie mear formeits yn stiltme, hillige oantinkens en Skriftstüdzje. De bisteande oersettings fen it Nije Testemint, dy't er bimachtigje koe: de Vulgaet, dy fen Erasmus, fen Beza en fen Castellio, forBodders yn 'e Fryske Striid 10 alle doktoren fen 'e tsjerke forflokt is, mar foar God it iennich tsjügenis is fen 'e Wierheid, haw ik twa boekjes fen Schwenckfeld yn it Latyn fortaeld: de Medicina Caelestis en de Christianus homo. Salang jimme dêr kinde oan hawwe, bliuwe wy ünder it jok fen 'e Anti-christ en stiet üs straf to wachtsjen. It wiere Christendom is in selsum ding en oant nou by de measten net yn tel." Hy hat ek polemyk herd mei prefester Danaeus to Leiden yn in traktaet Van der uterlicke Kercke en hy forsocht syn frjeon Rembertus Ackema it oer to skriuwen en to jaen oan 'e rektor fen 'e Latynske skoalle to Ljouwert. Dy koe er den wer propaganda mei meitsje by de ljue, „dy't de wierheid tadien wierne." Yn al syn skriften jowt Albada bliken fen in ynlik forkear mei God en fen in tear kerstenlibben. Mar syn öffal fen it R. Katholike leauwe makke, det hy net mear lid bliuwe koe fen it Rykskeamergerjucht yn Spiers. Viglius moast him dêroer bisauje, det in man fen Sokke skoandere gaven it dwylpaed fen 'e sekte opgie en it miene kerstendom de rêch takearde. Hy skreau oan Hopper: It is in „historia lamentabilis." Dochs wegere er syn frjeon de gastfrijheid net. Do't Albada yn Brussel kaem, stie it hüs for him iepen. De stim fen bloed en heitelan waerd do de oermaster. De saunde dei fen Slachtinoanne 1574 skreau Viglius nei Spanje, det syn libbens-ein neioan kaem. It die him sear, det hy de ündergong fen it keninklik biwald yn 'e Nederlannen tomiette gie. Hy hie soarch, det de fal net to kearen wier. De kwalen fen 'e alde dei twongen him fen alle wirk öf to sjen en allinnich to bipeinzgjen, ho't er syn siele wolbihaechlik oan God opdrage koe. Dochs hat er noch in jiermannich libbe. De 14e fen foarjiersmoanne 1577 testeminte er. De 8e Maeije fen dat jier laei de wize holle op it deakjessen. Men hat in bulte kwea fen him sein, dat er net fortsjinne. Under Alva's hird biwald biwarre er syn selstannigens safier as it mar gean koe. It kreake by riten wakker twisken dy twa. Iepenlik kante er him tsjin de 10e peinje. Yn 'e Ried fen Biroerten woe er gjin sit hawwe. Syn eigendommen makke er syn folk, lansljue en forskate stiftingen ta. Om de Fryske sédiken, nei de oerstreaming yn 1570, to forsterkjen, taestte er djip yn 'e ponge. fen him oer krige yn Antwerpen. Yn Juni haldde er ta yn Utert en skreau er de Dippetearden yn Ljouwert, foaral to soargjen, det men- gjin fremdlingen mear yn it lan krige. Dy Dütske sprinkhoannen brochten neat as skea. Fryslan moast ek net to let syn „quotum" opbringe, „dy seis tüzen goune Fryske skild pleagje my WILLEM LODEWYK al sa, as wy Hollan net as help hiene, scoene wy nei minske oardiel forlern wêze. It bioarderjen mei de hynsteriders en soldaten, det hja tidich weireitsje is in geskrep fen moarnsier oant jouns let. Jister wier it Kolleezje gear oant de moarns fiif. ure." En den bis wart er de Steaten gjin frede mei Spanje to sluten, lyk as Agge Albada yn Keulen wol. „De listige serpenten fen Spanjoalen" — sa skriuwt er — „litte it foarkomme det hja üs de Augsboarger Konfessy tastean wolle scoene, mar God Almachtich, yn hwaens hannen alle dingen lizze, scil hjar müklisten wol fortiizje." De 8e Juli 1579 teikene er mei Jan Aysma de oarkinde, det Frystón üt krêft fen de Uny fen Utert ta fordigening fen it heitelan f 25.000 opbringe scoe. Yn 1580 wier er lid fen it sintrale Regear „der nadere Unie" to Utert, en fjirtjin jier oan ien rite wei siet er neitiid op it Binnenhof yn 'e Haech as Dippetearde for de Steaten Generael, dêr't er op fêste tiden de foarsittershammer hie. As sadanich wier hy ien "fen de grounpylders. dêr't it jonge steatsgebou op rêstte. Op 26 Juli 1581 wier hy mei Liuwe fen Beyma Fryslans öfgesant by it ófswarren fen Philips fen Spanje. Do't yn 1584 Prins Willem yn Delft deasketten waerd, hearde hy fen wegens de Uny ta de kommisje fen roubiklei. Oan 'e steatkindige himel fen Fryslan kamen swiere tongerkoppen opsetten troch de fraech: hwa is souverein, nou't Philips de bouns krige hat? Dippetearden seagen yn 'e stéhalder inkel de earste amptner fen Fryslan. It Hóf lykwols eare yn him de drager fen de souvereiniteit. Willem Lodewyk keas yn 'e earste opslach de partij fen 'e Dippetearden, en Frentsjer mei Botniahüs ta residinsje. Dat wier Ljouwert min nei it sin. Ek dat de akadeemje to Frentsjer kaem. Men hie do al de alde striid twisken it plattelan en de haedstêd. Roorda wier folbloed plattelanner, mei dit bigjinsel: Fryslan for de Friezen! Hy koe sa'n hopen ütlünners binnen de heitelanske swetten net kropje. Frjemd soldatefolts en frjemde amptners wierne him in gefaer for de foltseigenheden. Dêrom moast Francois de Baudimont, de geheimskriuwer fen 'e stéhalder, oan 'e kant. Dêrom wirke men de frjemde haedoffisieren de iene nei de oare derüt: Steyn Maltisten, dy de Boksumer slach forlear (1586), Michiel Högelke, en Sedlnitsky, en sette men der de ünforbastere Fries Taco fen Hettinga as oerste lieutenant oer tritich Fryske hndels foar yn 't plak. Roorda syn frjeon Eelko Isbrandi, griffier fen 'e Steaten, ek in Frysk nasjonalist yn mirch en bien holp dêr wakker oan mei. Hja koene den ek yn Leycester hielendal gjin forlosser sjen, lyk as dr. Aysma en hopen dominys üt dy dagen. Roorda sei mei Johan fen Oldenbarneveld, de Uny hat yn himsels bést in takomst, sünder ütlünske stipe. En do't Aysma dochs trochsette en büten syn boekje gie yn 'e Leycestersaek, liet Roorda as in echt Frysk diktator him yn syn eigen hüs opslute en einlings as presindint fen it Hof öfsette. Al wier er hündertris Syn frjeon, it bilang en de selstannigens fen Fryslan stie him boppe frjeonskip. De Uny scoe for in sé fen leed biwarre wéze, as men SIBRANDUS LUBBERTUS mear de polityk fen Roorda folge hie. Hy koe it net yn Willem Lodewyk sette, det dy de opbring fen Fryslan yn Leycester's hannen spylje woe en det dêrta as üntfanger-generael Julius Aylva, in Fries, it plak romje moast for in frjemden-ien mei ynstruksje fen 'e Ingelsman. . De tonger sloech yn troch de kwesje Hasselt. Roorda woe Fryslan sterk meitsje troch in ring fen fêstingen en skansen. En lans dy wei scoe ek Grins it ienris oerjaen moatte lyk as Ninivé yn 'e foartiid (Charterb. IV, 805, Ao 1592). Stienwyk, Hasselt en Koevorden moasten in Fryske barrière wirde mei Fryske bisetting. Johan van de Cornput gie der mei akkoart, mar greve Willem Lodewyk doarst net en prins Maurits drige Hasselt to bisjitten as it him gjin baes liet. Do t de öfgesanten fen 'e stêd yn 'e Haech kamen om de stedskaeijen de prins oan to bieden, bipraette Roorda hjar wer. Ek skreau er oan syn frjeon Isbrandi, det de stéhalder de frjemdlingen yn 'e hSn wirke, tsjin de eare en frijheid fen Fryslan yn, sadet Fryslan wer kaem ünder in ütlanske tirannije. Dat skriuwen krige Willem Lodewyk yn 'e hannen, hy briek it ünrjuchtlik iepen en lies it foar op 'e landei fen 10 Maeije 1593. Dêr makke er do Roorda üt for in oproerling en eareskeiner en röp: „Ik wol dyn bloed hawwe." Hy easke in ütspraek fen it Rjucht. Do't Roorda him yn 'e rede foei en sei: „it is in leugen!" forliet er de seale. De landei woe Roorda net graech misse as lid fen 'e Steaten Generael, mar do de stéhalder de kabinetskwesje stelde, moast de Fries it forlieze tsjin Nassau. Sont hat Roorda net mear op it Binnenhof west. Mar dêr wier de saek net mei üt Op 'e landei fen 19 Maert 1594 stie de stéhalder de Roorditten to wird en biklage him, det men syn goenamme skeinde. Dêr easken Keimpe Donia, Abel Frankena, Epo Juckema en Eelko Isbrandi biwiis fen. Hja woenen hjar net troch de persoan fen hjar eigen Tsjinner misledigje litte. As dat sa mar mocht, hwa scoe den noch for de frijheid opkomme doare, hwent de frijheid fen it heitelan stie hjar boppe alles! Nei dizze wirden gie it der hol yn 'e gearkomste oan wei. It waerd ien great alaerm fen skeldwirden. Willem Lodewyk roun einlings foart. Donia röp: „Jacta est alea!" (De koegel is troch de tsjerke). De Roordisten diene noch alle war om it bilech fen Grins to kearen, mar de Ried fen Steate ornearre, it moast trochgean. De 14e Juli 1594 hie greve Willem Lodewyk de foldwaning oan Maurits side de stêd as oer^nner yn to riden en oan 'e Uny fen Utert to forbinen. Ta in formoedsoening twisken him en de Roordapartij is it net komd. It skoerde der op 'e landei fen Jannewaris 1596 wer sa heil om seil troch, det Roorda mei de sterke earm nei it loazjemint brocht waerd, en dêr bliuwe moast Datselde jier easke men, Willem Lodewyk scoe syn kommisje fen 'e Steaten Generael as gouverneur JOHANNES BOGERMAN fen Fryslan weromjaen en fen de Fryske Steaten syn opdracht krije. Hy wegere dit. Wer stoarme it op 'e landei yn bywêzen fen de Hollanske hearen, dy seine, det it nearne nei like as Fryslan troch eigenmachtich hanneljen de Uny forbriek. Mar Eastergoa en Westergoa haldden de stive kop derfoar. It roun safier, det de Bodders yn 'e Fryske Striid 11 Roordisten to Frjentsjer in eigen biwald yn it libben röpen büten Ljouwert en de stéhalder om. Mr. Eelko Isbrandi griffier wier de siel fen de aksje. It like in boargeroarloch wirde to scillen, mar troch ynfloed fen Hollan waerd it ünheil yette keard. It hat wikkerdewik west ef Roorda en Isbrandi wierne it skafot opgien lyk as Oldenbarneveld, mar de earste kaem yn 1601 to forstjerren, de oare waerd as griffier üntslein. Roorda hie yn 1591 syn godstsjinstige en tsjerklike bilidenisse dellein yn in kein boekje tyde Rudimenta religionis Christianae, (Lugd. 1591), dêr't de amme fen Genève trochhinne strüst. Yn 1597 skreau er syn Apologia, dy't de Fryske skiedskriuwer Liuwe fen Aitzema yn it 4e diel fen syn wirk „Saken van Staet en Oorlogh," 's Gravenh. 1669, bl. 649—53 biwarre hat. Ik nim der hjir in fragmint üt oer: Oermits de hearen fen Hollan sa'n war dwaen om de Steaten fen Fryslan yn oantinken to bringen de goede tsjinsten fen steedhalder Willem Lodewyk en syn sibben oan dizze Forienige Leechlannen yn 't generael en yn it partikulier biwezen, tsjinnet dêrop as frjeonlike tynge, det ek de Steaten fen Fryslan dy foarseine tsjinsten en woldieden, ynsafier hja dêr foardiel fen hawn hawwe, net forjitte ef forjitte scille. Hja bikenne graech, det it Heitelan yn tiden fen 'e uterste need troch üthiemske fijannen allerbloedichst bifochten, troch de neibürskip forlitten, troch eigen lansljue, bloedfrjeonen en Boargers sitte litten en forret, mei en troch Gods genedige help, fen de Nassauers forkwikt, hanthavene en oprjuchte is, sadet hjar trou, ljeafde en iyer for God en hjar heitelan, yngroeven is yn alle fromme herten salang as de wrald stean scil en troch tiid, noch gewelt, noch üntankberens ütfage wirde kin; wol forsteande lykwols, det üt krêft fen alle redelike kreaturene plicht tsjin hjar God en it ünderling boun fen de steedhalder mei it Heitelan^dêr't hy en syn folts yn berne en tein, foardere, bigoedige en mei eare en weardichheden bijeftige wierne en dêrmei steande ef fallende, hja needwindich stean ef falie moasten, hja foar God en alle froede minsken net oars, noch mear dien hawwe, as itjinge hjar plicht jin God en it Heitelan easke; det hja ek net minder dwaen móchten om hjar goed, steat en eare to hoedzjen, en net mei de oaren üntrou to fallen yn in selde misdied. It is ek wier en it kin allikemin Ontkend wirde, det lyk as syn Heechheid mei syn migen, as fromme heiten, God en hjar Heitelan, in trouwe en stadige tsjinst dien hawwe, sa hawwe hja ek dwaende west om hjar eigen steat en güd to bihalden, wer mei bihelp fen de Heitelanske middels stevige en sterke, sünder hokker it hjarren gansk ünmooglik west hie fen alles hwet God ornearre hat, eat üt to rjuchtsjen. Sa't den God Almachtich syn kreaturen allegearre oan eltsoarren forboun hat mei skoandere woldieden en mei in Onderlinge ban forknottet heit en bern, heitelan en ynwenners, boargers en stenden ta ünderlinge treast, help, bystan yn perikel en need, sa binne ek alle kreaturen, bern, boargers ensfh. God, Heit en hjar Heitelan mei alle tsjinst forplichte, en hawwe ek nést God, hwaem sünder twivel de earste eare en alle rom takomt, Syn Heechheid mei syn migen alle rom, tank en eare for hjar trou, dy't ea heiten en hearen yn regearringen ef bistjüren hawn hawwe. Dêrtsjinoer fortsjinje alle disserteurs en forrieders mei dyjingen, dy't hjarsels en hjar middels oan it Heitelan üntsjen alle üneare, skande, flok en straf, Ek dy't yn de foarseine tsjinsten net oprjucht trochgean ef dy't hjarsels mei praktiken ef gewelt taëenje wolle itjinge hja mei it heitelanske güd en de miene fijan ünttein hawwe. En nou scil ik ta ünderrjuchtinge fen 'e Hollanske hearen en ta nedige wittenskip fen 'e wierheid in wirdmannich sizze oer it tsjustere gedoch Onder it biwald fen greve Willem Lodewyk yn Fryslan. Dit hat sa west, det men fen it oanbigjin óf mar altofolle seach syn bigear nei onwerlike en oermiettige hearskippij mei ünderdrukkinge en krinkinge fen 'e Lanssteaten, dêr't him net weinich ta tsjinne de ünienigens twisken de Dippetearde Steaten en de Provinsiale Rie, Plattelan en Stêdden. En alhowol de Steaten syn traktemint ryklik forhegen ta ünderhald fen syn greeflike steat, as kolonel en gouverneur, sadet hy üt Fryslan allinne folie mear krige as de foarige gouverneurs üt al hjar gouverneminten, sa holp dat net, mar fitere it him oan ta mear macht en ta bisnoeijing fen it heger biwald fen 'e Dippetearde Steaten. Dizze bigearlikens iepenbiere him mei de komst fen Leicester. Do achte er it bileid fen 'e Dippetearden net oars as ballêst en as in team yn 'e müle. Hy hat om ta syn doel to reitsjen eigenje wollen it bineamen fen 'e offisieren en hege amptners, it lizzen en forlizzen fen garnizoenen nei syn eigen biljeaven, dwêrs tsjin Dippetearden en syn ynstruksje yn, mei drigeminten tsjin de opposysje. Hy sei ü.o.: „Güddên fen jimme wolle mei hjar fantasijen oer in frije Republyk anarchy, ünstjür en in Sw'itsersk (Genève) biwald ynfiere, ja tsjien keningen hawwe, en de gouverneurs net earbiedigje." Do't men him dêrop hoflik frege eft hy den de souvereiniteit en macht fen Fryslans Steaten alhiel tolider slaen woe, en lüns hokker wei er dat biwirkmasterje woe, sei er forheard: „Ik kin gjin tsjien keningen dildzje, en as ik in skelm wêze woe, wist ik der wol in middel op." Sa gie er tokear tsjin dyjingen, dy't mei alle fetsoen him tsjinfoelen. It is bikend yn Fryslan ho't de Folmachten om him mar to bifredigjen tsjin hjar eigen gemoed en gewisse yn, inkele fen hjar aldste en treftichste Dippetearden en tsjinders ófset hawwe. Nou bisiet er yn Fryslan mear macht as in gouverneur ea hawn hat, ta ófbrek fen de wetlike en souvereine macht der Steaten. It is wol wier, det men seit: Men moat hearen fen kwaliteit hawwe, mar hwerta? Om dêrmei tsjinne en holpen to wêzen tsjin fijan en tyran, mar net om seis fordrukt to wirdenj oars wier it mear nut, det men yen mei ljue fen minder kwaliteit rédde, dy't soks net woene ef koene bistean, sa't men sjoen hat yn it eksimpel fen 'e Switsers. Yette twa nammen wol ik neame, lo fen 'e grytman Martinus Hamconius (Marten Hanckes) üt Follegea, dy't mids de wiksel fen syn aventürslibben yn 'e Spaenske frijheidskriich de skiednis fen it Fryske heitelan bioeféne yn proaza en poëzije. Syn foar- naemste wirk is Frisia seu de viris rebusque Frisiae illustribus, dat yn 1607 to Munster forskynde en yette fiif printingen bilibbe (1609, twa yn 1620, 1623, 1631), en Verthoninge der Coninghen, bisschoppen, princen, potestaten enz. van Vrieslant, Franeker, 1617. Beide boeken hawwe mei hjar printen en sagastoffe ünbidich ynwirke op 'e Fryske stamfielings. De skiedskriuwer P. Winsemius forseach de Frisia-ütjefte fen 1620 mei in foarwird; S. Arcerius en dr. Petrus Baardt hildigen de alde grytman mei hjar fersen, dêr't er yn forhearlike wirdt as de „patriae conditor historiae" (grounlizzer fen 'e heitelanske stoarje). 2o fen stéhalder Willem Lodewyks rjuchterhSn Everard van Reyd (forstoarn to Ljouwert 25 Febr. 1602), dy ien fen de béste skiedwirken oer 'e opstan tsjin Spanje mei ünpartidigens, ynsafler dat yn sa'n ieu mülk is, skreaun hat. Syn boek Oorspronck ende Voortganck van de Nederlantsche Oorloghen, Arnhem, 1620, rint fen 1566—1601 en hat bynammen de oandacht for it gebeur yn Fryslan. It mocht troch de soarch fen syn migen Frederik en Johan van den Sande (hwaens Decisiones Frisicae 10 printingen bilibben) yn it ljocht komme. For de léste helt fen 'e 16e ieu bliuwt it for de Fryske skiedskriuwing ien fen 'e bitrousumste boarnen. Van Reyd wier, lyk as Frederik Vervov en Ubbo Emmius in dreech, godfruchtich Kerstenman fen Kalvinistyske bilidenisse. En nou komme wy ta de man, dy syn foargongers allegearre yn it skaed sette, in Kalvinist, dy de greate tradysjes fen Genève mei Karei Roorda, Sibrandus Lubbertus en Johannes Bogerman yn de Friezenstam hanthavene: Ubbo Emmius, de stoere wirker, dy boppeoan stiet fen dyjingen, dy't oer 'e skiednis fen Fryslan skreaun hawwe. Hy wier ien fen dy minsken. hwaens wirk in wittenskip yn twa tiidrekken splitst. Men sprekt fen 'e Fryske skiedskriuwing foar Emmius en nei Emmius. Syn ynfloed is oant hjoed de dei noch great. Oan beide kanten fen 'e Iems waerd er jimmer en wirdt er noch heech oanslein. De Friezen hawwe as folts to min steatefoarmjende krêft hawn om in fêste politike ienheid gear to stallen. Al oan it ein fen 'e Middelieuwen wier it düdlik, det de politike organisaesje net fierder gean scoe as ta it stiftsjen fen lytse Fryske Steaten lyk as it hjoeddeiske Fryslan, Grins en Ommelannen, en it greefskip East-Fryslan. Dochs bleau yn 'e béste Friezen it bisef libjen fen „solidair" to wêzen. De ienheid fen 'e Fryske stamme bleau for hjar Ünforjitlik. For hjarren laei it heitelan oan beide iggen fen 'e Iems. Seis de politike omkear fen 'e 16e ieu ünder Karei V en Philips II wier net yn steat dat ienheidsgefoel to smoaren. En yn in man as Emmius is it tinkbyld, det hiel Fryslan syn heitelan wier nea fordwoun. Hy foun dat greate heitelan yn Emden, yn Appingedam en yn Frentsjer. Hy foun de ienheid yn 'e skiednis fen syn folts, dy't er masterhaft en wittenskiplik biskreaun hat. Hy wiisde it Titelprint üt it skiedwirk fen Everhard van Reyd. Fryske folts, alhowol it splitst wier, in greate kultuerropping en taek oan, nl. it forbiningslid to wêzen twisken de nije Nederlanske frijsteat en it alde Dütske Ryk. En yn Emmius seis komt dizze Sjedêr den it earste midfryske rymwirk, dat tige leech by de groun is, mar dochs in nij tiidrek fen üs skriftekennisse ynliedt, en mei syn platboerske tael frijhwet lichter by üs hjoeddeisk Frysk stiet as it kanslerij-Frysk fen 'e oarkinden. It sljuchtwei petear fen Wouter en Tjalle üt it jier 1609 berget in ünthjit yn syn skirte. Der rint in tried fen dit bigjin nei Starter en Gysbert Japiks. En dy tried giet dwêrs troch in berch Hollansk en Latyn hinne. Yn tsjerken en skoallen, yn riedsealen en rjuchthuzen hearde men net oars as dat. De Fryske Reformaesje brocht gjin Fryske bibel. Bogerman joech syn skoandere taelwitnis. oan 'e Steatenoersetting. De resoluesjes fen 'e Steaten waerden getten yn 'e Leechlanske amptnerstael. En dochs koe men de Fryske triedden net üt it frjemde kleed weidwaen. En sa lést men yn dy amptlike stikken fen dong en springbullen, fen doodvaten en drenkeldoden, fen zijltille en gaarlegginge, fen miedwegen en hurden, fen mingels, poepehoosen en in ytigmeester, fen Belkum en Menaam, fen Boonswaag en Lieuwaarden. En it folts, edelman en biddelman, boer en boarger praette net oars as de affaers,. trije, fjouwerhündert jier forlyn. En as der in spotlietke makke waerd lyk as op it Taco Dykstra-skandael (1598), do men op 'evstrjitte song: De Aylva's alle trije Scille Taco Dykstra wol bifrije v den wier it altiten Frysk. De tiid fen it toalfjierrich Bis tan (1609—1621) wier for alle gewesten fen 'e Uny^ in gouden rite. Alle krêften en talinten, dy't yn 'e jonge Republyk tahaldden, liken hjar op ien stuit yn skoandere harmonije to üntjaen. Ek for Fryslan wier it in bliere maitiid. Seis de gevels en de gevelstiennen üt dy dagen tsjügje dêr fen. It moaiste bou- en byldhouwirk kaem ta stan. De Snitser wetterpoarte en it Boalserter Stêdhüs forriizden as symboalen fen woltier en kinstsin. En dat gyng allegearre ta, as spriek it fensels. De ündernimmers en wirkmasters lieten hjar nammen net beitelje yn sarken om hjarsels to forhearlikjen. Dêr wier dat Friezeskaei to stoer, to earnstich, to dimmen ta. Byldhouwers, dy't for master opsloegen en kinstwirken leveren, dêr't Fryslan greatsk op wêze kin, neamden hjar seis sljuchtwei „sarkhouwer." It moaiste fen alles wier, it biskavingslibben üntjoech him as in ienheid. Dêr Bodders yn 'e Fryske Striid 13 It standertwirk fen Sybren Siccama is syn ütjefte fen 'e Lex Frisionum, it êldste rjuchtboek fen Nederlan. Dizze Lex hat hjar hjoeddeiske foarm krige yn 'e earste helt fen e njuggende ieu, mar giet hwet de ynhald oanbilanget faek tobek op *e achtste ieu. Hja is skreaun yn 'e Latynske tael en brocht ünder 22 titels, b.g. de thiubda, de brand, de fredo. de banno de dolg ensfh. Inkele Frankyske strafwetten moatte deryn forarbeide wêze. De man. dy't hjir de han yn hie. scil wol Karei de Greate west hawwe. Ek komme dêryn foar de wiisdommen fen twa rjuchtskindigen Ulemar en Saxmund (9e ieu). Ut dttïjuchteboek fen Midden-Fryslan. dat fen it allerheechste bilang is for de kennisse fen it aldfryske strafrjucht. set ik for de lêzers in stikmannich kêsten üt it Latyn oer: As in etheling in etheling deamakke hat, scil er it mei 80 solidi boete fen hokker boete twa parten takomme oan 'e erfgenamt fen 'e forsleme, .t trêdde oan syn nêste bloedfrjeonen. En as er it ljeagen hjit det er hun deamakke hat, moat er swarre, by him nimmende alf mannen fen deselde steat. As in etheling sein wird in tsjeafte dien to hawwen en hy wol it ljeagen hjitte scil er mei fiif swarrers de eed dwaen. As in slaef sein wirdt oan tsjeafte skildich to wêzen, scil syn hear op syn kleed de eed dwaen ef as it in swiere saek is, scil er op de reliken swarre ef de slaef mei it godsoardiel yn waljend wetter ündersiikje. As immen in houn deamakket, dy op it fé past, scil hy dat boete mei in solidus. As immen in houn deamakket, dy op it fé past, scil dy dat boete mei in dêryn forbaernd is, dübel bitelje. As in frouspersoan hjar mei in man bijown hat yn oerhoer scil hja hjar Orearjild ta bate fen 'e kening bitelje. As immen op de reliken in falske eed sward hat, scil er ta bate fen e kening syn wearjild bitelje en mei in oar wearjild syn han losse; elk fen syn meiswarrers scil syn wearjild bitelje. . Dy't mei in oaremans tsjinstfaem, dy't net wend is to meltsen, noch to mealen en bortmagad neamd wirdt, oerhoer bidreaun hat, scil hjar in boete fen 12 solidi bitelje. As immen yn it leger rüzje makket, dy moat de skea, dy't er dien hat, njoggenris boete en ta bate fen 'e lanhear njoggenris frede bitelje. Dy't in slaef oan heidenske foltsen forkoft hat, scil syn wearjild ta bate fen 'e kening bitelje. As immen syn heit deamakke hat, dy scil syn erfskip forlieze. Dy't in gizeler deamakke hat, scil him njoggenris boete. As immen in oar it ear öfslein hat, dy scil 12 solidi bitelje. Dy't him de noas ófslejn hat, scil 24 solidi bitelje. As er immen de boppeste rimpel fen 'e foarholle mei in hou dwêrstroch spjalte hat, scil er it mei 2 solidi boete As ien fen 'e fjouwer lange fingers yn 'e wringe fen it boppeste lid sa troffen is, det er fochte üt 'e woune rint, dat men liduwagi neamt, scil it mei ien soHdus boete wirde. As hy it hertflues, dat is herthamon, mei in swird rekke hat, scil er 18 solidi bitelje. As er it flues, dêr't de lever en de melt yn hinget, dat men mithridi neamt, woune hat, scil er 18 solidi boete. As immen in frij wiif en net syn eigen, yn it wang knypt hat, scil er it mei-2 solidi boete. As immeri in forbean houlik oangien hat, scil er fen syn wiif skaet wirde en beide scille wettich trouwe meije. As immen de miene wei yn in revier forstoppe hat, dy scil 12 solidi bitelje. Dit Fryske wetboek hat oant it jier 1557 for 'e learde wrald m frjemdling west. Mas do't it ienris bikend rekke, makke it in wiere triomftochte, sadet de gnapste koppen der hjar op skerpen en sont sekstjin printingen yn it ljocht kamen. De earste bisoarger fen dit rjucht as boekütjefte wier Johannes Herold. dy't yn 1557 to Bazel ütjoech Originum ac Germanicarum antiquitatum libri. Yn dat boek komme Fryske, Thuringske. Bürgondyske en Salyske wetten foar. For de tekst fen de Salyske wet hat er in hanskrift brükt üt it kleaster Fulda. Juristen üt Bazel, Milaen en Worms holpen him derby. Hwer't er de tekst fen 'é Fryske wet weihelle hat, is net bikend en oant nou is noch net it manuskript foun. dat er as grounslach brükt hat. De twadde biwirker fen it alde Fryske rjuchtboek wier Fridericus Lindenbrog, dy't yn syn Codex legum antiquarum, Frankfort, 1613 de tekst fen Herold folge. Itselde die Siccama. de trêdde biwirker, dy't yn 1617 syn Lex Frisionum sive antiquae Frisionum leges to Frentsjer ütjoech. Dizze edysje is foarsjoen fen in masterhafte opdracht oan e Steaten fen Fryslan. J. H. Halbertsma neamt dy opdracht in monimint fen de ynlikste ljeafde for de alde frijheid, eigenens en eare fen syn heitelan. Wiarda, de skriuwer fen Geschichte der alten Friesischen Gesetze yn dl. II. bl. 9 fen 'e Verhandelingen der 3e klasse van het Koninklijk Nederlandsch Instituut, priist de oanteikenings, dêr't Siccama de tekst mei forrike hat. mar de tekstforbetterings dy't er bisocht oan to bringen. achtet er diels weachwirk, diels mislearring. As taheakke liet er efter 'e Lex Frisionum printsje de wetten dy't yn 1323 by de Opstalbeam fêststeld wierne. Hy hat dy oernomd ut in eksemplaer fen Upke fen Burmania. in sibbe frjeon en in dreech kenner fen it ald-Fryske rjucht. Sont de Siccama-utjefte hat it net stilstien mei it wraldkmdich meitsjen fen it ieuwenalde Friezene rjuchtboek. Ik lit hjir de toalf ütjeften. dy't neikamen. yn 'e rige folgje: 4 Christianus Schotanus, Beschryvinge van de Heerlyckheit van Frieslandt tusschen 't Flie end de Lauwers (1664), pag. 23—35. 5. C. G. Gartner, Saxonum leges tres; accessit lex Frisiorum cum notis S. Siccamae, Lips. 1730; 6. P. Georgisch, Corpus Juris Germanici, Halaé*, 1738; 7 Q. F baron toe Schwartzenberg, Groot Placaat en Charterboek van Vriesland, Leeuwarden 1768, fol I, pag 1—40. 6. Canciani, Barbarorum leges antiquae, Venet, 1781, pag. 9. 9. Ferdinand Walter, Corpus Juris Germanici, Berolini, 1824, I, pag 352. 10. Ernest Theod. Gaupp, Lex Frisionum, in usum scholarum, Breslau, 1832. 11 K. Freiherr von Richthofen, Friesische Rechtsquellen, Berlin, 1840, pag. XXIX—XLII; 12. Johan de Wal, Lex Frisionum, lex Angliorum et Werinorum, Amstelodami, 1850, pag. 13. 13. M. de Haan Hettema, Oude Friesche Wetten, Leeuwarden, 1851, II, 331—378. 14. Pertz, Monumenta Germaniae, III, 1862. 15 De Lex Frisionum, uitgegeven en toegelicht door Dr. K. v. R^httiofen naar Pertz' Monumenta Gennaniae, met verhandeling over de zamenst Ihng van de Lex Frisionum door Mr. B. J. Lintelo de Geer, bezorgd door het Friesch Genootschap, Leeuwarden, 1866. 16. Patetta, Lex Frisionum, in Mem. dell' Acad. di Torino XLIII, 1893. In reproduksje fen it titelblêd is hjirby öfprinte. Siccama hat er syn namme opskreaun mei in frjeonskiplike opdracht oan Petrus Scriverius. de greate 17e ieuske literator. Mei in hiele kliber wittenskiplike mannen stie er yn drok brieveforkear. Fen dy brieven binne net folie mear oer. Men kin inkele fine yn Sylloge Matthaei post Alciatum contra vitara monasticam, p. 152, 281, 316. Det Si cc ama omraek nasjonalistysk wier, kin men opmeitsje üt syn forhalding tsjinoer de stoarjeskriuwer fen Fryslan, opfolger fen Suffridus Petrus, Dr. Bernard Gerbrands Furmerius (1542 — 1616), dy him tige fortsjinstlik makke troch de Frentsjerter ütjefte fen de BedaHedakronyk (1611). Twa jier earder forskynden syn Annalium Phrisicorum libri tres (Franecarae, 1609), dy't gjin oanspraek meitsje kinne op de namme fen skiedwirk, wol fen saga- Titelblêd fen Lex Frisionum, ütjefte S. Siccama. boek. En it docht üs nij, det Siccama dêr foaryn in latynsk fers fen syn han plak jown hat, dat Furmerius wakker forhearliket en oanhtert om mear fen sok wirk to jaen mei dizze wirden: Furmeri venerandi Senex pro talibus ausis Proque tuis meritis quas solvet Patria grates? Perge precor, nee te tantis absistere ceptis. (Earbiedwirdige grizert Furmerius ho scil it heitelan Jo for jins moed en fortsjinste in frjeonlik tankbiwiis bringe? Gean, bid ik, troch en lit net öf fen safolle plannen). Det Furmerius fen him in goekinde wier, kin ek noch blike üt it feit, det er him in kronyk, dy't syn heit skreaun hie, to hen joech. Prefester Gabinus de Wal neamt Siccama in allersibste frjeon fen de Muzen. En wy sizze derby i Hy hat Boalsert makke ta de stêd, dy't ünder it albiwald fen God. master Gysbert foartbringe moast. Sjuch: Gaerspraeck, le ütjefte by Berent Arentsz, 1609 ; 2e by Claude Fontevne vn 1639; 3e by üerrit Koumans 1714; 4e yn Suringar's Almenak 1826; 5e vn Navorscher, 1908, bl. 94—112 mei de Fryscke gearspraeck ten in Moer mev hir maneale dochter; G. de Wal, Oratio de Claris Frisiae jure consulüs, Leov 1925 41 161, 439; W. B. S. Boeles, Fnesl. Hoogeschool, 11, 37; Fh. Heek' Die Gemeinfreien der Karol. Volksrechte, 1900; S. His, Das Strafrecht der Friesen in Mittelalter, 1901; K. v. Amira, yn H. Paul, Grundnss der Germ. Philologie, 1893, II 54; Brunner, Rechtsgeschichte, 1887—92; K. v. Richthofen, Untersuchuneen zur friesischen Rechtsgeschichte, 1880; Schröder, Lehrbuch der Deutschen Rechtsgeschichte, 3e Aufl. 1898; M. E. v. d. Meulen Bolsward's kunst en kunstgeschiedenis, 1888; Friesche oudheden, 1875, bl. a; l H. Halbertsma, Hulde aan G. Japiks, II, 357—61. koeljen mei Gods Wird, de tsjoedens tö litten, mei Bethlehim's hoeders to weitsjen en de libbens-eker to wjudden. „Hwent de Heare scil it blau forwulft fen elkoar lüke en alles yn loge sette, de deaden wekjend üt hjar grêven, en rekkenskip easkjend." As men dy fersen lest, wSllet yn yen de forsuchting: Hwerom mocht Starter syn swiete lier net earder hingje oan Vénus' alter en rüzje litte yn Sions' timpel? Trije fragen it Frysk oangeande steane by Starter yette iepen, en easkje neijer ündersiik. Hat hy de han ek yn trêdderlei? Earst is dêr it minneliet op Tiemke, dat opnommen is yn De Amsteldamsche minnezuchjes, op verscheidene nieuwe wijsjes, door lievende gheesten uytgestroyt, Amsterdam, 1643, en troch Dr. W. Zuidema plak jown yn De Vrije Fries, dl. XX, 4e rige, II, bl. 320. It earste koupiet fen dit sjongstikje is: Myn liaf is een soo swieten dier, Soo molle, bolle femke, leek wod' dat jeck bieer wier So swiekerige swiete tiemke, Dat jeck bie heer, in dat-jeck bie heer, In det jeck, in dat jeck, in det jeck bie heer, Mocht wiesen, det weer rriien pejeer, Mijnen swiekerige Moaje Lemke. Den is dêr de Fryscke Gearspraeck fin in Moer mey hir maneale dochter. De dochter hyt .Houck, de Moer hyt Ansck. Hiel nochlik en nylick for fammin en feynten om yn 't Frysk to leazen, en to sjonghen, by }. P. van der Rade, Leeuw. 1639. In eksemplaer fen dit selsume boekje heart ta de Juniana yn Oxford. De ynhald hat tsjinst dien op in brilloft, dêr't de breid to bêd dounse waerd, frij grif op Sjaerdemahüs to Frjentsjer, dêr't do de Sternsee's wennen. Ik skriuw der in stikje üt oer: Ja Mem! dat sis y so, 't is nu for jo ta let, Mar wierne y tritich Jyr jongher, y soent neat sisse, Lit ik Jo oors de Text te tyghe reys'uytlisse In dwaender glossin by, so sil y 't bet forstean As it nu meyer tyd soe op in schieden gean, In as min oone Loft .de sinne net mear seagen, Maer dat de greate God mei al Syn gouden eaghen De wyde waad oer seach, ja eack syn Boden stiurd', Der alle Minschen vest mey sliep meckin beriuerd, So namense de Breid, om her nei 't Bed to bringen, Do wier ir sockin Spil; wy hiene se omringe, De feynten skurden her, in wy hildens se riu fest So dat de Breugheman, wier earm in so great lest In sorghe dat wy her soen wte faadden lucke. Hy kermd' riuw omme Breyd in roun fest om 'e Stucke So lang to datse her der ynne keamer hien. Do wierit weer her ber, so Jong, earm Djiar, so klien In miende, dat min her it libben soe off driuwe, Ja, do de Breugheman by har op 't bed soe kliuwe Do beerdse of jo stracx fenne wraad schiede scoe: Mar der wier in aad Faam, die sey. Me her neat koe? Hoe angeste dêrfen, as us Kat fen 'e Musin; Of fenne Schiepentsjies miz Steernse Ap ek Lusin Ho tiereste het, earm Djier. It lit him bést tinke, det nei Starter's dea dizze forsprate stikken foar it earst ef op e nij printe binne. En den is der yette de fraech eft Starter ek kinde hawn hat oan Wybrand Michiels üt Bitgum, dy't heech weiroun mei de Brabanske leardichter Jan Baptist Houwaert, hwaens Lusthof der Maechden yn 16.000 fersen en Paranesis Politica (le ütjefte to Ljouwert 1614) der ek danich by de Friezen ynfoelen. Wybrand Stalde in karlêzing üt Houwaert's wirken gear yn it jier 1616, hokker hanskrift oanwêzich is yn 'e boekerij fen de Leidske Maetskippij fen Letterkinde. Mar hy die yette mear. Seis sloech er ek pan it rimeljen fen sa'n 250 ferskes, dy't er bondele Ünder 'e titel Mengelmoes ofte Alderhande zoe eernstighe als boerdighe rymckens ende knippelverskens (1616). Hja jowe gjin heech tinkbyld fen syn dichtformogen. Mr. J. Dirks hat er de bésten üt öfprintsje litten yn it Fr. Volksalmenak fen 1846, mar it fortsjinnet alle oandacht, det der seis ferskes by binne yn it Frysk, dy't hjir folgje: 1. Oft io naet lest, 't geen ij hier fyne, So dwae het best en iou pongh ontbyne En litt dan vry hatte oors swiet helie Ick sitt mey by en schil naet betelie. 2. Ien mans moer Is ien str... oppe floer. Ien snoer is ien snirt, Ney her daed ist en flirt. PETRUS BAARDT FRYSLAN wier by aids it lan fen rekkenmasters en wiskinstners, fen lanmietters en stjerreskögers, fen brulleslipers en klokmakkers, fen almenakskriuwers en nifelders. De sljuchte lansdouwe, de romme fjilden, de fiere kimen, de wide himelböge, de pikelige séloft halde de hollen koel en it tinken klear. De Friezen fen de sékust binne it rationalisme neijer as it mysticisme. Gans in rige snoade Fryske tinkerskoppen, dy't de twange formule en it krekte sifer sochten. riist foar my op, as ik de stoarje fen 'e eksakte wittenskippen neigean. Dêr is boppeoan Jan Vredeman de Vries, de Ljouwter boumaster (1527), dy troch sa'n tweintich prachtwirken in ünstjerlike namme krige as skepper fen de nijere perspekt^fkinst. Den in oare Ljouwter Else Mellema (1544), ien fen de earsten, dy't oer Italjaensk boekhalden skreau (1590). Fierders Johan Sems (1572) üt Frjentsjer, dy't in baes wier yn 'e theory en praktyk fen it lanmjitten, en hwaens namme yette forboun is oan 'e saneamde „Semslinie," de swette twisken Grinslan en Drinth. Nést him stiet Jan Hindrik Jarichs fen der Ley (1556), ütjower fen forskate séfeartkindige w'irken, dy om syn fortsjinsten troch de Generale Steaten bijeftige waerd mei in jierjild fen f 1200. Yn Frentsjer blonk prefèster Adrianus Metius (1571) üt, dy mear as 30 jier de mathematika ünderrjuchte en frijhwet ütlanners, binammen Noaren nei syn kolleezjes loek. En nou't wy him neame, kinne wy der daelk oan forbine de namme fen syn learling Petrus Baardt, dy in wirk fen him üt it Latyn oersette. tytle Maetconstigh Lineael, ofte Proportionalen Ry ende platten passer, alsmede De Stercktenbouwinghe, ofte Forteficatie, Franeker, 1626. As men de titels neigiet fen itjinge dizze learde mannen skreaunen, fait it daelk op, det it measte wirk hielendal for 'e praktyk Wier. Hja wierne gjin hege iisbergen fen geleardens mei. de kop yn 'e wolkens. Hja achten hjar abslüt net to wittenskiplik om bygelyks in dübeltsjes almenakje for de miene man gear to stallen. Metius binammen joech üt in Eeuwighe Handt-Calendier (1627). En yn dy wei hat syn learling him ek for Fryslan fortsjinstlik makke, ELSE MELLEMA allermeast ek noch wol hjirtroch, det er him by dat wirk for syn moerstael net skamme, mar dy bisocht üt it leech to heljen. It hat frijhwet neisiikjen en trochnoaskjen fen alde skripturen koste om in stikmannich oanteikeningen, it libben fen Petrus Baerdt oanbilangjende, jaen to kinnen. As ik dy gearfetsje kom ik ta dizze ütkomsten: Hy is berne yn Starum pl.m. 1590; syn heit wier Mr. Sybrand Baerd, dy't 21 Nov. 1593 foarkomt as abbekaet foar it Hóf fen Fryslan (in broer fen Mr. Hobbe Baerdt, griffier by it Hóf en stamfaer fen it aristokratyske Baerdtslachte, dat grytmannen oplevere hat fen ünderskate Fryske gritenijen). Dizze boaske yn Aug. 1583 mei Tiecke Froma, üt in ald Fivelgoaër skaei, dat syn stamnêst hie yn Wirdum (Gr.) en dy letter Jan Hooch (Hoeckjf ta man hie. De soan krige syn opfieding by syn miich Frans Martens Kyll yn Harns, dy't troud wier mei Idtie Baerdt. De 24e Maeije 1611 waerd er ynskreaun to Frjentsjer as theol. studiosus, alumnus, hwet sizze wol, det er yn 'e godgeleardens studearre op kosten fen 'e provinsje. It learaersampt koe him lykwols net hije, sadet er fen stüdzje foroare en it foarrjucht hie 7 Juni 1616 as medisinedokter to promovearjen. Hy fêstige him earst yn Warkum (Hofsent. Dec. 1618), en do to Boalsert (1619—21), dêr't er ek conrector wier fen 'e Latynske skoalle, sadet der kans bistiet, det Gysbert Japiks (berne 1603) fen him Latyn en mülk ek foarljeafde for it Frysk leard hat. De dokter-litterator koe it lykwols net lang op ien plak üthalde, hwet miskien yn forban stiet mei in rij libben. Hy troude mei Djoeke fen Beyma, dochter fen Wytse fen Beyma en Hiltje fen Aylva, mar by höfsentinsje fen 4 Oct. 1625 waerd de admestraesje fen syn wiif him üntmakke. Dit founis waerd öfkindige yn Frentsjer, sadet hy dêr nei alle wierskyn wenne hat. In goekinde fen Jan Starter hat er yn syn jongfeintojierren grif west, hwet op to meitsjen is üt dizze fersrigels yn syn Deugdenspoor (1645): Vrund Starter, die so lange tijt, Verhuyst, maar niet vergeten zijt, Hier coomt my weder in de sin, U kuyperij met haer gewin. En men scil net her fen 'e wierheid wêze, as men yn Baerdt ek in frjeon sjucht fen drinken en klinken. Yn Juli 1637 kin men him treffe as ynwenner fen Dokkum, dêr't er troude mei Engeltie Wyllems Knijff. Mar net lang scil er dêr syn tinte hawn hawwe, hwent datselde jiers waerden syn bern yn Ljouwert doopt (1639 en 1641). Mids dat libben fen hinne en wer hied er de skriuwpinne net forgetten. Hy waerd embleem- en almenakskriuwer. Om to witten hwet > Z 3 z 9- > tQ ps r/i < > Z ö ta f ra it earste is, moat men de bitsjutting kenne fen it wird emblema. Oarspronklik wier it in sierflguer, bygelyks in metalen ornemint op in faes ef in mozayk fen kleursrien op in mürre. Sa hat ienris de Romeinske fjildhear Verres de ynwenners fen Halhmtium twon- gen om him fazen to bringen en do liet er dêr de emblemata öfnimme om dy to setten op syn eigen gouden skütels. Fen' sokke figuren lei men aldtiids boeken oan om as model to tsjinjen for goudsmeden en segelsnijers, for sarkhouwers en tapytwirkers, for skilders en glêsbranners. Yn 'e 16e ieu lykwols bigoun men dy orneminten to printsjen mei in stiftlik doel en to foarsjen fen in byskrift. Do waerden it moréle figuren. De meast bikende embleemskriften yn üs lan binne de Sinnepoppen fen Roemer Visscher (1614) en de Hieroglifica yn de Hertspieghel fen H. L. Spieghel (1694). dy't fen heech bilang binne for üs kultuerskiednis. Untelber binne de lytse bisünderheden fen it yntime libben üt dy dagen, dy't men yn de embleembondels fine kin. Dêr sjucht men spylark en jachtreau, boartersgüd en wapentüch. Dêr wirdt ófbylde in kreamkeamer en in apteek, in herberch en in kantoar. Dêr pronket de edelman mei biplomme hoed, wylst er by de goudsmid jewielen keapet for syn „ljeafste" en dêr sjucht men in pelswirker. dy't ré stiet om in kat to fangen yn in sek. As in „film" giet yn 'e emblemen de hele foartüd lans yen hinne mei syn ljocht en skaed. Op dizze litteratuer laei dokter Baardt him üt. Yn 1620 forskynde yn Frankfort in aldernuverst embleemboekje, tytle Nebulo Nebulonum mei printsjes en Latynske ferzen. Dit boek sette Baerdt oer en neamde it Deugdenspoor in de Ondeughden des werelts afgebeeldt. Leeuw. 1645. It foei sa yn 'e smaek, det noch itselde jier in twadde printinge yn it ljocht kaem. Fierders skreau er jierrenlang almenakken. Dêr wier it do noch de gouden tiid for. Hast eltse stêd en ider doarp hie in „ljeafhawwer der mathematyske konsten" dy't jierliks in almenak for syn meiboargers gearstalde. It almenak makke mei de bibel de bibleteek üt fen in hopen ljue. Oplagen fen tüzenen eksemplaren kamen fen 'e parse. Prefesters skammen hjar net it foarwirk to skriuwen. Oan dizze foltsboekjes wieren nei bisibbe de prognostikaesjes ef waerforspellings, dy't apart, mar ek yn it almenak seis forskynden. It almenak mei fransinen omslach laei altiten yn 'e hirdsherne, en for de lange winterjounen joech it wakker divendaesje, binammen as der boerse stikjes yn stiene. Dy waerden stikken lézen. For üs wol spitich, hwent as dy boerealmenakjes biwarre bleaun wierne, foei der yette hwet midfrysk üt gear to fandeljen, lyk as üt it almenakje fen it jier 1676, dat men yn in skoarstien to Makkum bimitsele foun (F. B. Hettema, Bloeml. uit O.fr. Geschriften, XVIII). Hokker ljeafhabber der mathematyske konsten efter 'e letters M. P. PREFESTER ADRIANUS METIUS op it titelblêd sit, wit men net, mar as er forhellet fen Friso, „de eerste vorplaanter in Frieslaan omtrent 320 jier vor Christus geboorte, fen 'e FriesChe helden en har daden, fen Beern van Galen en kening Lovijs mei al sijn luycige knechten" den wirket er tige op it nasjonale eargefoel fen 'e Friezen. Baardt skreau it Hearenfeanster almenak, it gewoane, lytse en it dübelde, mei syn portret op it titelblêd. Yn it foarwird hikkele er de foltsondeugden lyk as heechmoed, oerdied en ünienichheid. Hy pleite for de Fryske deugden. Yn it almenak fen 1639 seit er: „It is priislik det elts bliuwt by syn birop en praet fen itjinge er forstiet, neamehde in A in A, en in B in B, op syn aldfrysk, allyk as it wier yn 'è tiden fen Greate Pier." Hy smiet der ek wol ris in wirdtsje Frysk mank lyk as yn dy fen 1645. Dêr biskrobbet er de kflpers, dy't de béste baentsjes oan hjar eigen gilde ütdele, mar amper binne de ampten forjown eff it is roppen, razen en tieren: „Hte ick nu oes aed Merrijs Beaelgh'' Hy koe prachtige, spierkrêftige rimen meitsje. Hwet seit men fen dizze nijjierswinsk, dy't üs forpleatst yn it hert fen üs gouden tiid? Recht Geneefsch Catholijck wilt zijn in u Devotiën: In 's Lants-Bestier, en Plicht, volght den Venetiaen: Op 't oud' vroom Amsterdams drijft christlijck u negotiën: Weest Switsers, so te Land men u met Krijg tast aen: En Bataviers ter Zee: 't Sal alles dan wel gaen. Ut dat „Recht Geneefsch Catholyk" priuwt men de Kalvinist. As Fries, dy't yn de politike macht fen 'e Amsterdamske regintefamylje Bicker in great gefaer sjucht, warsköget er syn heitelan (1651): Frieslandt, wacht u, dat geen Bickers Oyt beguych'len uwen Staet Bikkers zijn vergifte Kickers, In de Kerk en in den Raedt. — Koar^rniiiTw^ •ALMANAGÜ* Eoo^'t SJact M. DC, LIV. ©oo| PETRUM B AA KDTaWt' jBBrti en iitf-befabtt btt JBanj. fffonff. Utllt tot H«Uto«tt)ffl / _tatm ban fritflniitjt. Titelblêd fen it Hearenfeanster Almenak. As Frysk dichter leart men Baardt kennen üt syn Frieske Boere Prognostikatie, Ljouwert, 1640, in boekje dat men forgees siket yn Nederlanske boekerijen. Franciscus Junius hat in pear eksemplaren rédden üt 'e greate skipbrek fen 'e tiid. Yn syn forneamde kolleksje to Oxford binne twa, dy't master Gysbert him bisoarge. Ds. J. H. Halbertsma hat yn syn Hulde aan Gysbert Japiks, Leeuw. 1827, II, 242—52, de ynhald öfprinte, sünder lykwols to sizzen, det it dichtwirk fen Baardt wier. Faken hienen de prognostikaesjes in polityk doel, mar dizze bisong it boerelibben. De dichter naem ta foarbyld de Georgica ef langedichten fen de greate Romeinske poëet Virgilius, dy't yn it jier 29 foar Christus' berte dizze ljeaflike poëzije keizer Augustus foarliez en opdroech oan dy syn ginsding Maecenas. Virgilius skildert yn fjouwer boeken de lanbou, de beamkerij, it greidboerkjen en ymkjen. Baardt folge him hiel üt 'e herte, koarte frijhwet yn en makke der in ynfrysk stik fen. Ho't de dichter oer syn eigen wirk tocht, kin men üt dizze rigels merkbite: En sjuwgst et for naet sonders oon, So jouw 't dijn dochter of dijn soon. Jo lezze sommis by de hird Ven Uwlespijgels kattebird, Ven Reyntjes Vogs, en Lijtse Noght, Of het de kraemer herre doght. Diss' rij ml er ij is al sa goed, Aeck al sa nochlijk, al sa tjoed. Nijs bringt er ek net, mar hy jowt üs in moai stikje foltswaerkinde: Ien schutter sjucht wol oon it wyld, Altyd is 't goed by stilte myld. Ien koyker sjucht it oon syn koy, En schaet het waar fen lilck en moy. De fammin witt' et oon het fjoer, En oon het uytslaen fenne toer, En oon het bannen fenne lamp, En oon het staecken fenne kramp En oon het wiel, en oon het snaar; De fammin witte fen het aer. De boer kin mei dit rymdicht alhiel op syn tried komme. Hwent Ik had dy foor fen waer en wijn, Fen reyn en froast en sinneskijn, j Fen dauw, fen mist, fen rijp, fen heyl, Fen'noorder buyen ijn dijn zeyl; En hoe dijn jiergongh wesse wol, Off maeger, off de berghen fol; Wenneer dat wij eken ouwr en boeg Te fjielde mat dijn eyd en ploeg. Yn 'e maitiid nimt de dichter waer: De nuytebeam en d' ijkeltop Wanneer se dwaen her blossem op, Is dit gebemt fen blossem swier, Sa wirt er ien goe boeter-jier. En den de waernimmings yn 'e loft: As 't kobbelt him bejowt ijn 't laan, En bortet oppe druwge straan; As immen aeck de reeger sjucht, Dy haeger as de woleken fljucht; Off as de styrrin, graet en gljoun, Vorsjiette nachts of ynne joun; Wenneer het twijrret uwr 'e wey, En as de bledden flaen oor ney; Wenneer de plommen ynne greft Sa drjuwe hinn' en wer om kreft. Hy ken it boerelibben yn 'e groun. As it foarjier kald is en spits en droech derby en mei de nije moanne ek froast ef ryp ef iizge rein, Den komt er grie nog greyde foart Den wirt et allegerre smoórt. Dijn aert en baene binne om-hals, Dyn weet en koone, en alles als. Den set me winters dompen oon, De laanfrau tjoucht de klompen oon; Den rint de tesker trog het gae; Den backt men baene ijn et brae; Dan wirt et bjiaer ta Leuwird dioer; Dan mat dijn suwp en waey te fjoer. Ho goed skildert er de boer as it in goed simmer west hat: Den sitste, boer, op dijn gemack; Den mat de klepper onder 't zael Omtrmt sin Jan, of ta sint JEl. Mar hat it in min jier west, den forstiet er ek it lijen fen 'e boer Dan rit myn huwsman oppe stirt; Den leyt it zienoot ijnne plis En rottet hael to skern en mis; Den giet me naeu ien reys ta bier; Den sjoncht me fest de wemerssang En sjuwgt allyck ien kat sa bang; Den jinne tijd sa wirt me sijck En stekt de noos fest ijnne ryck; En den sei Wobbel ijnne kraem, Al het me rjuw ien moye taem; Den komt sint Pieter oppe haan, Om hier en schatting fennet laan. Hwet is ek dit nei it libben teikene: As dy graette flocken fljaen, Ken min net ta kaemer gaen; Heyt en mem mey al har bentjes Siecke den dy waarme hentjes; Den forterr't de mier syn jield, Derrer simmers won te f jield; Den wit Loycke wol to sissen: „Wierom bleuw ick sleuwirt lissen? Wierom siet ick ijnne kroeg, En forsomme der mijn ploeg? Nou het Klaes en Jantsje ijten, Nou is 't uwsis naet te bijten; Komt de simmer weer, ick wed, Nimmen krijget my te sted. Hjir lizze ek in pear moaije streekjes fen it pinsiel yn: Jouns as de sinne onder giet, En 't Saan-stjir oer 'e tzercke stiet, Den troert de ouwll, den sitter plat, En guwlt en giert ijn 't anckergat Den fljucht de wijckel om zijn aés, En spijlet ouwr 'e ljurken baes; En as de ravens ijnne joun Her om 'e tzercka jaan yn 't boun, En roppe jinne ka om strijd; Den komt er ien gesouwne tijd, De loft di klaeret, en de wey Di wirdt er drouwg en moudig mey. Boalsert wier yn it bigjin fen 'e 17e ieu in kweekplak fen fleurich maetskiplik en letterkindich libben. Ubbo Emmius skriuwt: „It hie mei Starum de eare in Hansestêd to wêzen. Büten oarlochsrampen is it twaris troffen troch it üngenedich elemint fen it fjür, sadet der in bytsje fen oerbleau (1474 en 1515), mar yn 1523 is de stêd nei al dy swierrichheden ünder it hüs fen Bourgondië rekke, en do bigoun hja de swiete loft fen ginstiger lot en lokkiger steat to priuwen, sadet hja boppe de bluister en prieLfen alear forriizde." It docht yen gjin nij, det dy stêd in Jacob Jacobsz oplevere, dy't mei Duco Martena, Hessel Aysma en Abel Frankena yn 1580, en yn 1581 mei Livinus Beyma en Karei Roorda, öffüv dige waerd nei de Steaten Generael om it bouwirk fen üs Republyk to bouwen. En men moat yn it Frysk Muséum it sierlik hanskrift sjen fen Elisabeth Jacobsdochter (1589). earsterangs pinnewirk mei wündere haedletters en wize spreuken, om ynienen to witten det Gysbert Jacobs üt in foarnaem, aristokratysk formidden kaem, üt in miichskip mei in heech peil fen biskaving. Syn heit Jacob Gysberts wier fen 1638—42 boargemaster. En as de spreuk opgiet „in minske is hwet er lést," den wier it in treftich man, hwent ta lektuer hied er: Kalvyn's Institutio, Bullinger's Hüsboeck. Marnix's psalmboek, de skiedboeken fen Josephus en Eusebius en fensels de bibel. Yn alde archyfboeken stiet, det er antyksnijer wier en det syn wiif hjar Antje Willems skreau. Dit pear hie fjouwer bern - Gysbert (berne 1603) wier de aldste - dy't diger greatbrocht waerden. Men hat frege eft Gysbert op 'e Latynske skoalle gien hat. Nei myn bitinken is dat büten kiif. De boargersoannen giene dér do allegearre op. Dytiids wier der yn it Fryske boerelan mannich skoalmaster. dy't Latyn koe. Elconius Elcoma. dy't de skoalle yn Easthim bitsjinne, makke in fers op 'e dea fen Jel fen Galama, dy't troud wier mei Jhr. Aesge fen Popma (stoarn 13 Sept. 1669), dêr't er syn namme ünder skreau en dizze wirden: „Tristi animo calamo scripsi; mors hominis sors" (ik haw dit droefmoedich mei myn pinne skreaun; de dea is it minskelot). Eft Gysbert Latyn koe? En hy lies en bioardiele in Grammatica Frisica yn dy tael. Hy sette üt dy tael in fers oer fen ds. F. Oedsonius to Ljouwert, stjürde Latynske Carmina nei Gabbema, en hwet de doar tadocht is syn fers Reedenkracht foar de XII Uytgelesen boetpredikatiën, fortolke troch ds. Nollius Hajonidus to Beltsum (1659). De noaten, dy't dêr Onder steane jowe bliken, det Gysbert selsum bilêzen en thüs wier yn it dichtwirk fen Ovidius en Horatius, yn 'e skriften fen Herodotus, Homerus en Augustinus. Boppe syn Jounbea skreau er: „It klinget op 't Sapphische." Dat docht gjin man, dy't net de dope fen 'e aldheid flndergien hat. Ek de ferstechnyk fen syn psalmen wiist op klassike foarming. Oant Febrewaris 1624 ta lei de jongfcint yette by heit en mem thüs, mar April 1625 wier de fügel flein. Hwerhinne? Lang hat men it net witten, oant J. van Loon, sneupende yn it tsjerkerekkenboek fen Wytmarsum syn namme foun en tagelyk det him as skoalmaster. üt 'e tsjerkeopkomsten 25 goudgoune (f 35) for in fearnsjier traktemint bitelle wier. De tsjien Ünbikinde jierren wierne üntditsen. Hwer't er lykwols yn Maeije 1635-Aug. 1637 tahaldeh hat, is yette in geheim. Hwa noasket yn alde lidmateboeken hat kans it op to klearjen. Wy kinne bliid wêze mei van Loon's fynst. Wytmarsum wier it gea, dêr't Gysbert de swietrook fen it folie Fryske taellibben ynamme. De sprektael. dy't er as bern yn syn berteplak hearde, wier it stêdsk idioom fen dit soarte: „Seuven en ien is acht. en darttich, is acht en darttich stuvers met malkair, en dair kin 'k dan maer in hiele wiek teugen anwrotte; 't komt er maar op an, om 'e moedfeeren niet to ferliezen." Yn Boalsert scoe Gysbert nea net üs earste dichter wirden wêze. mar midden yn it boerelan mei syn.stinzen en terpen, mei syn finnen en mieden en mei syn skat fen foltseigen saken learde er dichten en sjongen. It greate byld fen 'e natuer en de siel fen it Fryske folts hawwe syp dichterlik oanliz oermastere en syn ynderlik makke ta in klankboarne fen hearlike poëzije. En de oanlieding? Och, deaienfüldich. Master wier nést dominy de sprekker, de man fen it wird. En as er in jong pear yn it gea boaske, den wier it: „Master, krije wy net in stikje?" En dat fitere him oan om altomets wer hwet nijs to jaen. Dy foardrachten, sjongstikjes ef petearen waerden troch oaren oerskreaun. Hja giene fen han ta han. Einlings kaem der sa'n rop en forlet fen, det hja waerden printe. Sa is it gien mei mannich toanielstikje üt 'e nije tiid, sa gie it al mei it dichtwirk fen 'e Wytmarsumer skoalmaster. En it roun safier. det hy waerd de Fryske foltsdichter en 34 jier ald skildere him M. Haarings, in learling fen Wybrand de Geest, op it doek. Hwet him foaral forneamd makke, dat wierne syn Ljeafd in Bortlycke Mingeldeuntjes en syn Gemiene aef Huwzmannepetear in oare katefye. Dit binne bern fen it Wytmarsumer frijfeintelibben. Mids it sljuchte en rjuchte boerelibben learde de jonge skoalmaster op syn Frysk to frijen. to patsjen. to Ülkjen en to mülkjen. En Gysbert scoe gjin Gysbert west hawwe. as er gjin minnedicht hearre litten hie. TTTELPRINT FEN IN CLALTDE FONTEYNE-UTJEFTE west ha, neffens it sizzen fen Jhr. Idsert Aebinga fen Humalda. De fromme edelman wirdt skildere boppe op in wier by syn skiep. en as er sjucht ho t elk djier it griene gêrs ynslokt „mei e tuwt en each nei' groun," den seit er : Oars is 't mei de minske, Dy om 'e himel oan to sjen, Muwle in each optilt, om winske In bejear fen daer 't ontfean. Dy korte ierdsein' tarjild achtet Op it stikel-smelle paed; Wolke oanlouket, gout in wachtet d' Oare takomst fen uws Haed. En den bigjint it yn syn geast to sjongen üt hertsgroun. mei de 137e psalm: 'k Bin as 't folk Gods, dat oan 'e Eufraet-ich finsen Yn Babel siet in galde yn swier betinsen, Om Sions berg, dy woast lei, wyld en bleat. Hy swart mei de ballingen: As ik dy forjit Jerusalem, myn heechste wille en wit, Sa moat himsels myn rjuchterhSn forjitte, Myn tong moat fêst oan müle boppest sitte. En den geane syn tinzen heger. Syn siel wirdt optein nei it himelsk Jeruzalim en hy freget: hwennear scil ik stean yn 'e strjitten fen klear trochskinich goud, yn 'e pearlepoarten, twisken mürren fen pük-eal stien, Dêryn wille, stoun noch üre Wirdt bipaeld noch ein bigien. God! hwennear, mei silger tonge, scil ik Jins Laem folgje yn 't wyt? Godsfrjeon forweidet den syn fé nei in stik heide, hy iepenet wer it psalmboek en sjongt Psalm 10. 11 en 12. As dy üt binne folget de neibitrachting: Wol torjuchte sei de rike Wize kening, sünder like Detter ünd're sinn' neat skiedt Ef 't wier bard yn alde tiid En 't scoe neimels wer sa komme Altyd rint de wrald it kromme Dwarlpaed. Rjucht Sin Jan üs seit Det de wrald ynn' dükle leit O de wrald is glêd omkeare Yn füle ongerjuchtichheid Jow üs lan wer, ljeaven Heare d' Ald, roun, rjuchte sljuchtichheit Det wy al üs dwaen en litten Hanneije' yn from meiwitten Nei ald Davids harpe en 't liet Dat in leaf twe fierder stiet. Dat liet is Psalm 15. En as er dy ophelle hat, priist er sok sjongen oan: O! dy gouden harp moat dürje Yn sill'ch sjongen, dy moat nürje Hy moat nüntsje oan wralds üt-ein, Yn Gods tsjerke, fier en hein. Ja, mülk az dizz' wralds stoune üt is Davids harp ef gouden lute is Yette al loflüd, dreun en draei 't Liket koarts oan 't liet dat folget Dêr min 't ivich swiet üt swolget As me 't optein sjongt. Dy droan' Rier üs 't hert. Ik sjong foartoan. Den is Psalm 16 oan bar, mei de slotwirden: „Ljeaflikheden binne ivich yn Jins rjuchterhan." En wer fordjippet Godsfrjeon him yn dy takomst. O dy iiv'ge treast! dy wille Kin myn hert nei 'e himel tUle En den moat der wer in nije psalm oan. De achtste. En sa giet it troch mei de 146e en de 130e. Einlings leit Godsfrjeon him to resten mei in Jounbede, en as de sinne wer opgiet, hellet er op in Moarnliet, en den moat er God yetris earje mei de 103e Psalm. Dat is it ein fen de Fryske Herder. Hy stjürt it wirk oan syn frjeon Gabbema, mei de bilidenis, det it üt djippe kolken opwalle is troch de lésten fen it ierdske libben. Tsien psalmen hat de Boalserter master yn dy swiere tiid forfryske en se yn sa'n byldmoaije list set, det de Fryske Herder in masterstik is fen üs heitelanske poëzije. Dêr binne noch sa'n fyftich psalmen fen him bykomd. En as dy bondel mei de namme doopt wirdt fen Himelsk Harplüd, den fait by de dichter de klam op dat earste wird, lyk as ütkomt yn dizze rigels: Kin men hjir sa swiet muzykje Det Gods Geast 't hert yngiet Fen Gods frjeonen — hwet scfl 't lykje By 't himelsk ivich liet? O Gods frjeonen! hwet scil 't lykje? O frjeonen! siikje. Men hat Gysbert's Harplüd hwet klankwielde oanbilanget forlike mei Wagner. Bytiden is it ien en al oerstjalpende mezyk. Ik droech yn in gearkomste fen it Nederlansk Bibelgenoatskjp to Amsterdam yn 1917 dizze psalm foar: Jou wircken Heer', het binne s' mietf leaz great! Ho glanzget yn dy salme' Jou wifniss' bleat! Het habbe' IJ de IJerd mei fet en swiet oer-dauwge! Het habbe' IJ mijld d' Wrad mey Jou eyn goed lauwge! Dy See, dy brie; great', wijde romme See, Dear duwckt, ijnn' diept', dear djoeyt, lanz stranne' in ree So folie' er hnne Fisck (wa schoe se' ea sommje?) Dy, lijts in great, dear njuencke' elck oorme, om-swommje. Alhowol dit liet mids de rede foarkaem en herwei de measten gjin Frysk forstiene. waerd ik troch in krêftich hanklappen bihindere daelk fierder to gean. Dat die it wünder fen Gysbert *yn taelmuzyk. Yn him sit primitive oerkrêft en tagelyk is er in djipfielend minske. dy't mei al syn manlike sterktme en ynbannigens ljeaflik en tear it spylark hantearret. Freget men hokker stimpel op syn godstsjinstige poëzije stiet, den kin mar ien andert jown wirde. n.1. dat fen Genève. De Griffemearde bilidenis komt hjir forheftich ta utenng. It is de Fryske Kalvinist dy't mei it fjür fen in fulkaen dit oardiel oer it ierdske lan ütsprekt: Koe d aade RoomerlcLal ,m Kreeken rymleryje, Allintie. met fbrftoan her tnafters holle (lyjej So kaamfte Bdbizert! mei dijn Gijzfeerf fierile let. Nee ,eerft raooaft Hollan foor, der «Ther kinft befet. Det kvefticf jjti peteear meergljuerket uilfljnaifieagen j Der hij't uwz leere woe ho wij her al ocrflasreogen-. Ho ki-eftigeltj't ferftaati ijn wirden fizze ioe ■, Ar op eltj Friezne bern m Grjj&Dtrfcs holle ftoe Fort ijuecht helle trog^4/ ^éUcnfiejjósz Yngoe Godl hoe liz ik boune Yn dizz' wraldske Babelkül', Skerndobb', Jarresé fol soune, Flêskbijear, geaststank, sielfül, Dy myn himelharpsnaor stomje, Det se net troch wolken giet; Dy myn tomme en fïnger klomje, Ta de taest fen hillich liet. Dat Kalvinisme sprekt üt de theologyske grountinzen fen syn poëzije. Yn it stamboek fen Gabbema skriuwt er: O wrald, forwrigge yn alle dingen! O 'k seach dy't ein yn 'e einleas grêfkül', Wier 't net dat somm'ge Godsbiminden en Trochsilge oanwitners, dy ontskalke. En de fromme Reamer jowt er dizze wirden yn 'e müle: Hwet, hwet kin 't lan ef de hele wrald my deare, Hald ik my rjucht, from oan üs Ljeaven Heare, Dy't alle ding stjürt nei syn forkoarne bést. Hjir rint de roailine troch. dy't men al merkbyt by Jesaja. en rint lüns Paulus, Augustinus. Thomas fen Aquino op Calvyn en de bilidenis fen 'e Frysk-nasjonale tsjerke. Gysbert wier in trouwe soan fen 'e Fryske tsjerke, dy't opkaem üt 'e Reformaesje. Yn it Soli Deo gloria foun er U eindoel fen syn tinken, witten en leauwen. Hwa kin net dy rigels fen Haitse-Yem: Heart de wrald de reame, o sot! En de dreage mölke God? God de strük, de wrald de blomme? Jonge tsjirl, dat kin net komme. 't Wier by de alde 'n oar menear, 't Earst dat God jowch, jowch min wear. Lit üs yette nei dy wize God fenn' jeugd oan tsjinje en prize. De twadde moeting, dy't in sneed joech yn Gysbert's libben. wier dy fen 'e Germanist Frandscus Junius. grounlizzer fen 'e Gothyske en Angelsaksyske taelstüdzje. Syn heit fen deselde namme. wier ien fen 'e Grü&mearde tsjerkfaders, dy't yn 'e yn- kwesysje-tiid preke by it skynsel fen 'e bransteapel, dy't omdoarme mei in bloedpriis op 'e holle; dy't mei Petrus Dathenus de fljochtlinge-gemeinten yn 'e Paltz bitsjinne, en dy't oan 'e Leidske akkedeemje kolleezje yn dogmatyk joech yn 'e geast fen 'e greate Kalvijn. Syn namme neame wy mei earbied. Mar net minder dy fen 'e soan, de samler en kenner fen 'e Fryske skriften üt alde en nije tiid, de learde dy't yn 'e kinde stie mei Jan de Vliet, Petrus Baardt en Simen Gabbema. Al seach er it libbensljocht to Heidelberch, dêr't syn heit prefester wier, wy rekkenje him ta üs lan, om't er dêr foarme waerd mei it Nederlansk as memmetael. Do't syn heit yn 1602 oan 'e pest stoar, kaem er ünder fadij fen syn omke, de forneamde Leidske taelkenner Gerard Vossius, dêr't er by ynwenne en folie oan to tankjen hie. Hy studearre yn Leiden earst wiskinde, letter theology, en waerd nei in forbliuw fen twa jier by ds. Willem Teellinck yn Middelboarch, op foarspraek fen Hugo de Groot dominy to Hillegersberch (1617). De proteksje fen dizze Remonstrant die him gjin goed, hy moast syn ampt dellizze. Nou forliet er Leechlan en rekke yn tsjinst as bibliothekaris en konservator fen 'e greve fen Arundel yn Londen, dy't prachtkolleksjes skilderijen, bylden en boeken hie. Dêr skreau er yn it Latyn syn boek oer 'e skilderkinst fen 'e alden (De Pictura Veterum Amsterdam, 1637), dat er letter yn it Nederlansk oersette, mei syn portret foaryn en dit ünderskrift fen Vondel: Dit's Junius, der schilders rechte hant, Zijn bloet is eel, noch eeler sijn verstant. Do't yn 1640 de greve fen Arundel hei Italië gyng, dêr't er in poaske letter forstoar, waerd Junius yn Oxford learmaster fen de greve Albericus de Vere Jr., dy't er biselskippe tidens dy syn forbliuw yn üs lan (1642—46). De learling hie sibben yn Fryslan, n.1. de Hemmema's yn Beltsum. Nei alle gedachten gyng Junius mei en makke er fen 'e gelegenheid gebrük om in bisiik to bringen by master Gysbert yn Boalsert (1644). It lit him ek tinke, det er troch Hooft, dy't op it Muyderslot Junius faken togast hie, fen 'e Boalserter master öfwist. Yn elts gefal kaem er ünder 'e skülnamme Nadabus Agmonius, om himsels en de dichter gjin lést to bisoargjen. ^StnXcr" riflr kerh , Lei- 'yn ytr f ln aA (ui w*( fch*A**ri£-, «Kirt XéAr fcfaxk n**4- l^cfJC . fn 'k£. jekax nw[ , QéU nut Y*{1 'fn fret. &O0$'pcM In Ir******"-, fl/jJLt uaWC m fhuvirtwn ; 4* Xi WySlA V}*» 1jA*€cfó fye. Vaderl Volksboeken, 1873, bl. 45; Hermans, Mengelwerk, I, bl. 186—189, 11 116- n fen deselde, Bijdragen tot de Geschiedenis van Noord-braband I, w 221 212 236 255 299 309; Messager des Sciences de la Belgique 1854 pag 452 Óps?el fen'van Leeuwen yn Ljouwerter Krante fen 1843; M.chaud Dtetionnaire Biographipue, in voce; Museum Catsianum verzameling van W C M de Jonfe van Ellemeet, 1870, bl. 91; N. Biogra. Woordenb. dl. 111 m JOHANNES HILARIDES AS ien taelmaster om syn iverjcn for Fryske sprake en Germaenske taelsuverens forflokt en forhune is, den is it de man, hwaens namme boppe dit haedstik stiet. In rein fen Hollanske skimpdichten kaem del op 'e holle fen dy „Fryske gek, baerch, ezel, barbaer," dy't syn memmesprake forhearlike en fersen skreau yn Hynljipper dialekt. Wol men in priuwke hawwe fen dit skellen? Yn in bondel Schimp- en Hekeldigten, dy't yn 1698 to Hoarn ütkaem (bl. 177—190) kin men dit léze: Zoo vloekt elk wis Hilarides, „Ja vloek vrij op dien hangebast Dien kromtong, dien Molquerens gast, Die duyts verstaan nog goed Latyn, En schender van elx taal wil zijn." Zoo schreeuwen hem, zijn school ten schand, De jongens na, door 't platte land, Die hem, van zijne lessen zat, Den mantel trekken van zijn gat. O Harssenlooze kakelaar! O Vuile lettermoordenaar. In oar priuwke is: De Friesse raasbol Brengt uit zijn dwaasbol Een misdragt voort, Zoo dik zijn lijmen En kreupel rymen De taal vermoort. In skotskrift op dizze Fryske foarkamper, dy't yn ien rige stean kin nést Gysbert Japiks, Junius en Gabbema, hat de ljeaflike titel: De Vismerk in Roeren door Ruchchel Koorenhalme uit het dolhuis gebrooken om zijn raazernyjen. Freget men, hwerom raesde men sa fül tsjin in learde mei brede libbensskóging, in humanist, dy't as boekekenner en graveur, as kaerteteikener en taelkenner fier oer 'e grinzen fen Fryslan en Nederlan namme hie, den is it antwird, hy wier syn tiid her foarüt en sloech nije paden yn. Dêr kaem yette by, tsjerklik-godstsjinstich hied er tinkbylden. dy't fen sljuchtweihinne öfwieken. En den moat men net forjitte, hy stie syn petuer as ien dy't him net traepje liet. Hilarides koe syn tsjinstanners narje. Sa gie it hird om lurd. Gesicht op Hynljippen yn 'e 17e ieu. It wier in striid, dy't rjucht hat op in weardige monografy. nammenstomear, om't allerlei yn dit kamperslibben wachtet op mear ljocht. Allerearst: it berteplak. Uffenbach seit: Hynljippen. It Frentsjerter matrikel hat: Ylsta Fris. Phil. et Lit. Stud. (24 Maeije 1668). In fers op syn frjeonén Baders en Gutberleth en it hanskrift Naamsporingen van het platte Frysk (1678) neame Ljouwert as syn berteplak. It Dokkumer houliksproklamaesjeboek (22 April 1682) bifêstiget dit mei de tynge, det S. A. G. geboartich fen Ljouwert boaske hat oan Nieske Pyters üt Dokkum. Syn libben lit him spjalte yn fiven: 1648—69 berne- en jongfeintetiid; 1669—71 praeseptoraet oan 'e Frentsjerter Latynske skoalle; 1671—82 rektoraet oan 'e Hynljipper Latynske skoalle; 1682—99 konrektoraet oan 'e Dokkumer Latynske skoalle; 1699— 1725 rektoraet oan 'e Boalserter Latynske skoalle. Wy hawwe hjir dos to dwaen mei in scholarch, dy't 54 jier by it Qnderwys west hat. En de biwizen lizze der, det er in taellearde en paedagoog fen 'e earste rang wier. Fen skraechwirk alle Jeropeeske Hynljippen yn 'e 18e ieu. talen makke er stüdzje. Seis oan dy fen 'e „Krimske Tartaren" joech er syn oandacht. Mar ünder alles bleau er Fries. Do't de Frankforter gelearde Zacharias Conrad von Uffenbach him op 7 April 1710 yn 'e stêd fen master Gysbert in bisiik brocht. tocht er in fornaem minhear oan to treffen. En hwet wier it? Hy skriuwt: „Wy waerden kjel, do't in sljuchtwei man. lyk in Fryske boer mei in tón prükje en in brede hoed op, üs üntfong." It Frysk hie den ek de ljeafde fen syn herte. Hy sloech it „ald plat'' acht, it stêdsk, de strjittetael. Hy koe it Skylger, it Hylper, it Molkwarder dialekt üt 'e pin. Hy wier in great for- cardcr fen master Gysbert. Dy stelde er. hwet forbyldingskrêft oanbilanget. boppe Virgilius. Hy neamt him yn in brief oan Gabbema. „üs heechfornimstige en tagelyk romhafte lansman. Iwa moaije portretten fen 'e dichter hat er wer foar it ljocht helle en op 'e nij yn it koper gravearre. For it Ingelske Genoatskip De propaganda fide sette er it „Unze Vader" yn it êld-Frysk en yn 'e Hylper geaspraek oer. De beste kaert fen Fryslan hat er teikene. Hja is to finen yn B. Schotanus è Sterringa's prachtatlas fen 'e tritich gritenijen. dy't op kosten fen 'e Fryske Steaten printe is (2e ed. 1718). De moaije tite pnnt fen dy ütjefte is ek fen him. Hy brocht it alde doarp Molkwar yn kaert en op koper. Dêroan tanket men de ütjefte s Hetfriesche Doolhoff. het beruchte Dorp Molk-warren in Friesland (1718). Oer 'e Fryske skiednis hie er syn eigen tinkbylden en op dat punt is er to forlykjen mei Joast Hiddes. dy't ienris klage det de Fryske skiednis ta hjar skea yn 'e hannen fen ultra s forfallen wier. De lichdeauwigens fen Suffridus Petri folget er alhkemin as de skerpe krityk fen Ubbo Emmius. ..Emmius' - seit Hilandes hat syn byfal krige. omdet Furmerius syn mindere yn leardens wier en gjin pylken genöch op syn koker hie om himsels. tc, fordiaenjen Yn dy alde forhalen sitte rjue dingen, dy t nei fordichtsels smeit je. mar dêr't ek in piid yn sit. dy't net weismiten wirde me, As foarbyld hellet er oan de leginde fen 'e Sint Magnusfane. dêr't Hamconius fen dichte: Signum Frisiacae quondam memorabile gentis, d.i. In heuchlike banier Nei d' alde Fryske swier. Dit hndel - sa forhellet men - wier ófkomstich fen Sem. de soan fen Noach. Hy wijde it en joech it oan syn neiteam ta bikrêftiging fen syn gebiet. Letter rekke it oan Raagan de,sekste nei Noach en herders oan Friso. dy't it nei Fryslan brocht. De Friezen gyngen der mei yn 'e striid en biwarren it letter yn in rimpel. By de komst fen 'e Romeinen laei it hif ieuwen yn e ierde bidobbe. Nei oanwizing fen in ingel groef Willebrord it op en teach Magnus Forteman der triomfearjend mei nei Rome Dizze potestaet "oech it by syn thüskomste in plak yn e Sint Mjcb*btsjerke fen Almenum en do't er nei syn dea hilhch forklearre waerd. krige it hndel de namme fen Sinte Magnusfane. En forjoe oes oes Schjolden, alliik as wi vorgoeoe oes Schjold'ners; Ende en leide oes naet ein Vorsiekinge; Mar vorlos oes van de Kwoeoe. Want jimmes üs 'et Keuniink-riike, en de Kreft, en de Heerliikheit, iin der Jeuwigheit. Amen. hie Hemsterhuis him bisoarge troch bimociïng fen Gellius Horreus, dy't dêr yn e jierren 1678-1716 dominy wier. Men kin deselde ALD STARUM tekst hne yn Mithridates oder allgemeine Sprachenkunde van J. C. Adelung. Berlin, 1809. II. 236. dêr't men ek in Molkwarster Pater Noster üt 'e 16e ieu hne kin. Dizze dialektstuedzjes fen 'e Südhoekster taelmaster kmne bskamiend wêze for 'e hjoeddeiske Friezen. In hopen alde dmlekteenheden steane op ütstjêrren. Wy scoene de hlologen taroppe wolle: Meitsje avensaesje! jimme allegearre dy t it forline en üs nSn en de rüzjende gong fen 'e swietlüdige foltstale ^ Avensaesje! fandelje de ieren op, dy't to fplde lizze. ^r en alear hia foraean en yndold en omkeard wirde me» de groun. dêrthja op ê te De greate nivellearing is dêr. De Fryske ierde tilt fen Hollansk griemmank, dat as in floed lans de revieren opkomt. Avensaesje! foar en alear it to let is. Sjuch: De Jager, Wie en wat was de rector J. Hilarides, yn N. Arch. voor Ned. T. 1855, 397; v. d. Aa, Biogr. Woordenb. VIII, 809; N. Biogr. Woordenb. VI, 785; J. W. de Crane, Letter- en Geschiedk. Verzameling, 40; Kramm, Leven en Werken der Holl. en Vlaamsche Kunstsch. IV, 692; J. Dirks, Aanteekeningen van Z. C. von Uffenbach, gedurende zijn verblijf in Friesland in 1710 yn Vrije Fries, VI, 306—390; F. Buitenrust Hettema. Bijbellektuur in Fries, bl. 20; Foeke Sjoerds, Algemene Beschryvinge van Oud en Nieuw Friesland, Leeuw. 1765, I, 299—316; The Lords prayer in above a hunderd languages, Londini, 1700; Lambert ten Kate, Aenleyding tot de kennis v. h. verheven deel der Nederl. Sprake, Amst. 1723; E. Wassenbergh, Taalk. Bijdr. bl. 138—147. J. H. Halbertsma, rhndeloper Zeemansalmanak op het 1679 jaar, yn Hulde, bl. 189—241; F. Buitenrust Hettema, Waarom Volkstaal, bl. 6; Hieron. Mogison, Specimen 50 diversarum, Francof. 1603; Orationis Dominice Versiones Centum, Berolini, 1680. JOHANNES CADOVIUS MULLER SÜNDER mis hat dc Fryske taelrenaissance. dy't yn master Gysbert sa hearlik ta iepenbiering kaem. ek op it taellibben yn East-Fryslan ynhoed hawn. Yn 'e 12e en 13e ieu waerd it by de East-Friezen mei de alde Fryske tael al lijen. Yn e 15e ieu hie hja as offisiéle sprake it öflizze moatten for it middelleechdütsk. De aldfryske lanrjuchten moasten yn it leechdutsk oerset wirde. meidet der gebrek wier oan Frysk-sprekkende rmchters. Yn it üer 1515 sette greve Edzard I de Fryske rjuchten oan 'e kant troch syn leechdütsk skreaun Lanrjucht. Twa hündert per haldde it Leechdütsk as skriuw- en forkeartael de holle boppe wetter. mar do rekke it hwet langer hwet djippcr yn it leeck It Heechdütsk waerd skoalle- en tsjerketael. Allinnich makken Emden en Reiderlan in ütsündering. As üs heit-en-dy om 1850 hinne yn Kritzum op 'e boerkerij fen hjar alden ütfenhuzen preke dominy om hjar plezier to dwaen yn it Nederlansk. Dêr leinen noch alde historyske bannen twisken de Griffemearde tsjerke dêrre en h,ir Wylst lykwols skoalle en tsjerke de frije yntocht ,oegen oan it Heechdütsk. haldde it folkslibben op strjitte en yn e hus yette fêst oan it alde. Yn e foltsmüle strieden altiten it Frysk en it Platdütsk om 'e foarrang. Det it léste de oerwinning bmelje scoe wier foar in pear ieuwen al to profetearjen. It Eastfrysk moast lan en alweV terreinforlies boekje, sadet it nou noch allinnich omtoarket op it eilan Wangereach. yn de k<^^wang««^ dy't yn 1859 op it fêstetón stifte is. en yn k Oldenboarchsche ^oftaelwittenskip hat him earst yn 'e 19e ieu for de tael fen East-Fryslan toskrep set. It Eastfryske wirdboek fen J. Coolman (1879-1884) en de Altostfriesische Grammatik fen Pref. ™ Heiten (1890) bliuwe standertwirken. Mar foarige .euwen hawwe op dit gebiet in bytsje levere. Cornehus Kempius yn syn De Origine, situ. qualitate et quanUtate Frisiae. Col. Agr. 1580 en Martinus Hamconius yn syn Frisia seu de viris rebusque Frisiae illustribus, Monast-Westph. 1609, hawwe net mear as inkelde algemiene meidielings en earmtlike oanwizings. Ek yn 'e skiedboeken fen Suffridus Petrus (De origine et antiquitate Frisionum, Col. Agr. 1590 en Frisiae descriptie- M.-S.) siket men forgees nei in haedstik dat oer 'e Fryske tael hannelt. Ubbo Emmius bringt it allikemin herder as ta losse opmerkings. En as mei' Franciscus Junius de Fryske taelwittenskip bigjint, dan jilde syn stuedzjes, folie mear de alde Fryske rjuchtshanskriften en de nije Westfryske geaspraken. Ho'n bytsje der yette oer is fen 'e alde Eastfryske sprake kin men gewaer IKtfrde üt 'e prikken, dy't yn it wirk steld binne om troch wirdsamlingen de alde taelskat to biwarjen. Twa fen dy samlingen üt 'e léste helt fen 'e 17e ieu binne troch de gelearden iepenbier makke. Dr. Otto Bremer joech yn Paul-Braunes Beitragen, XIII, 530— 561 üt: Wurstener Wörterverzeichnis (1688), dat üs de striid twisken it Frysk en it Platdütsk yn it Wursterlan kennen leart. It bifettet 784 wirden. Dr. L. Kükelhan die de wichtige publikaesje Memoriale linguae Frisicae verfaszt von 'J. Cadovius Müller. Mit Zugrundelegung der in Aurich behndlichen Originalschrift. Leer, 1875. In bytsje data en fata binne üs üt it libben en stribjen fen Cadovius oerlevere. Hy is berne yn Hamboarch 2 Juni 1650, de oerwinneling fen in heech tsjerkelik hear, general-superintendent Matthias Cadovius. Earst nei de dead fen syn heit krige de soan de namme fen syn heit. Under 'e namme Müller makke er syn skoalle- en akadeemjestuedzjes. Syn haedfak wier theology, mar hy stelde ek bilang yn 'e medisinen. Syn heit soarge tomük for him, mar liet, mei it each op eigen posysje, him net iepenlik as soan oannimme. Nei öfrin fen 'e stuedzje waerd er rektor oan 'e Latynske skoalle yn Aurich. Fiif jier hat er dêr les jown, oant er yn 1675 it birop as „pastor" krige fen 'e tsjerke to Stedesdorf yn Harlingerlan. En op dat plak hat er folie fyftich jier, oan syn libbensein ta, as dominy arbeide. Hy wier in man fen brede oanliz, mar gjin fakgelearde, sadet de fraech riist, ho kaem hy dêrta, as net-Eastfries, de East-fryske taelskat gear to swyljen? It ündersiik hat ütmakke, det er for dat wirk oansocht is. Ulrich (de) Eyben. assesor by it Rykskeamergerjucht yn Spiets hie as East-Fries fen komöf swide ljeafde for de tael en eigenheden fen syn heitelan. Dizze jurist frege earst pastor Engelbert Brunner yn Witmond om syn oandacht to jaen oan e Fryake tael. mar oermits dizze it to drok hie wiisde er ds. Cadovius for dv taek oan» _ . , , . r? i Nou wier sa hjir en dêr yn it gea fen Stedesdorf it Fryske taeleigen noch net hielendal weistoarn. Inkelde alde ljue. in beppe dy't al jierren en jierren yn 'e kraekstoel siet. in oarrepake dy t mei syn tinzen inkeld mar libbe yn it forline en sa fen dy for- EASTFRYSKE BOERKERIJ Tdkening üt Memorlale linguafe Frisicae. oetten ienlingen mear. koene yette Frysk prate. En dêr wier m blud perso'an nedich om üt 'e müle fen dy aldtsjes de leste he, telanske^anken op to teikenjen. Hwa koe de moaije. teare wirk better freegje as de man. dy t yn t hushke en Ttskiphlce libben fen syn gea-ljue ^ - Ulrich (de) Eyben wist det dy Friezen ynbannich fen aerd wierne en net graech Frysk P^nmeiin Dutsker^ ^ Ds. Cadovius naem it forsiik oan. Earst socni er w ratue fen syn tiid op 'e hichte to kommen fen e Fryske sprake en e genheden. En do sette er syn earen wiid iepen. Gjin Frysk wU dat er hearde op brilk* ef bigraffenis. op hüs-ef sikebisnk 2Lm him. By de dei lans waernimme en alwer waernimme en den opskriuwe lyk as er it heard hie — dat hat er jierrenlang mei rëstleaze flyt dien. It foei him, dy't gjin Fries wier, net maklik de hearde lflden op it pompier üt to byldzjen. Dêrom naem er inkele ljue fen stüdzje, dy't de Fryske tael mansk wierne, yn 'e earm. Hwa dat west hawwe, witte wy spiternöch net, mar de ünegalens yn it skriuwen fen 'e wirden wiist op stipe fen oaren. Twa goekinders bisoargen him Eastfrysk rymwirk, n.1. ds. Helmerikus Biehrhausen, sont 1689 pastor yn Werdum, stoarn 1699, en Harry Jummers (wis in skülnamme). Allyksa hat in goefrjeon him it het Buhske di Remmer diktearre. EASTFRYSKE BOERKERIJ Tcikening üt Memoriale linguae Frisicae. Hy joech syn wirk de titel Memoriale linguae Frisicae. It bifettet 700 wirden, 55 sprekwirden, de nammen fen 'e Eastfryske munten, mietten, wapens, ridskippen, klaeijingstikken, ünderdielen fen it hüs, getallen, herders de nammen fen manljue en frouljue ensfh., den de oersetting fen 'e Lutherske lytse Katechismus, it symbolum Nycenum, it symbolum Athanasianum, einlings it aldfryske hardersliet Buhske di Remmer. Buhske is in boerefeint, dy't mear niget hat oan losse frijerij as oan trouwen. Hy hat forkearing mei in jongfaem, dy't er saun jier op tok haldt mei de tasizzing, det er mei hjar trouwe scil. As hja einlings gewaer wirdt, det it op neat ütrint, pakt hja him hird oan en spilet hja de léste troeven. En as hja den yet deselde öfwaeide praetsjes to hearren kriget, klaget hja oer syn üntrou Bodders yn 'e Fryske Striid 20 cn lit hja ek de hoanne. de okse. de kat. de hin en de dou dêr mtntV£:~d* het dounsen de Friezen en by de léste rigel fen elts fers makken hja hjar foarnaemste posysjes. Wy litte it hjir folgje: BUHSKE DI REMMER. Buhske di Remmer di lohse mohn, di loshe mohn, dj fridde syhn wuff wol zoggen jarre, wollen soggen jahre uhn do di soggen umme wehren, noch fridde hy, noch fndde hy. Buhske di Remmer du lohse mohne du lohse voghs, om dynet willen zoo kuhm ick hade, zo kuhm ick hade, kriegTck van dyhner hauhn trouwe nat, zo sterf ik doude, zo sterf rk doude. Di hahne wol uppe den ricke sat, juh krehde der von, noch kuhm Buhske di Remmer, di lohse mohn, dit lohse voghs, Tfridae^hn wuff wol. soggen jahre met graate fihre, met graate fmre. Di oghse woll oppe di stalle staun, juh belckde der von, om dvnet willen zo kuhm ick hade, zo kuhm 1Ck hade, krygh S van dyhner haun trowe nat, zo sterf ick doude, zo sterf ,ck doude. Dit katte wol oppe di önneke sart, juh maude der von, doch quatt Buhske di Remmer di lohse mohn, di lohse voghs, om dynet willen zo kuhm ick hade, zo kuhm ick hade, Di huhne woll oppe de schinne stuntz, juh kilde der von, om dynet willen zo kuhm ick hahde, zo kuhm ick hade kryg ick van dyhner haun trowe nat, zo sterf ick doude, zo sterf «ck doude. Dit duhfe wol oppe den bocke satt, hae hu, hu, ha. noch kuhm Buhske di Remmer, di lohse mohn di lohse voghs, uhn quatt: om dynet willen zo kuhm ick hade, zo kum ick hade, Heer Buhske di Remmer, du lohse mohn, du lohse voghs, du h'ast my bedroggen, du hast(m)i verslaggen, du lohse oghs kryg ick van dyner haun trowe nat, zo sterf ick doude, zo sterft ick doude. Det Cadovius war dien hat om syn wird to forbetterjen en to forrykjen. biwize syn hanskriften. It léste hanskrift is it folsleinst, mar ta de printinge is it by syn libben net komd. Dit moat men taskriuwe oan de krekte opfetting fen syn taek. net oan it slinken fen idealisme. Hy skreau syn wirk ta bate fen alle Eastfriezen en yn 'e forwachting. det for de alde lanssprake ienris üt dit sprankje nije gloede oplögje mocht. Hy stie seis yn it leauwe. det de Eastfryske tael goedernöch wier for in oersetting fen e hele Bibel. Fen it Memoriale binne saun hanskriften bikend. Fjouwer jowe alle bliken fen autographa to wêzen. Ien fen dizze manuskripten is tolanne komd yn 'e akademyske boekerij fen Grins troch oankeap üt de auksje Wiarda, de Eastfryske skiedskriuwer (1827). In kopy is it eigendom fen 'e Provinsiale Boekerij to Ljouwert en hat eartyds it eigendom west fen 'e Eastfryske archivaris Gerhard Coldewey (1728—1744), fen Tileman Dothias Wiarda (1774) en fen J. H. Halbertsma, dy't it oan 'e provinsje Fryslan formakke. Lêstneamde hat er for syn Lexicon Frisicum (1872) den ek danich winst mei dien en allyksa J. ten Doornkaat Koolman yn syn Wörterbuch der Ostfriesischen Sprache, III Bde, 1879—1884 en Pref. van Heiten yn syn Altostfriesische Grammatik, Leeuw. 1890. Sjuch: Ueber Cadovius Müllers Memoriale linguae Frisicae im Ostfr. Monatsblatter, herausgegeb. von Zwitsers, Jg. 1875, S. 211; Forschungen, herausgegeben vom Verein für Niederdeutsche Sprachforschung, Thi. IV; Memoriale linguae Frisicae, nach der Jeverschen originalhandschrift, von Erich König, Norden—Leipzig, 1911; Th. Siebs, Zur Geschichte der EnglischFriesischen Sprache, I, Halle, 1889; idem, Geschichte der friesischen Sprache (Pauls' Grundrisz I, S. 1152 ff.; Cadovius Müller, in Jahrb. der Gesellschaft für bildende Kunst, 1902, S. 498; Sljucht en Rjucht, 1914, bl. 457 ensfh fen G. Postma. SIMEN EN JAN ALTHUYSEN REKTOR Hilarides koe nei wierheid forklearje, det yn syn dagen it Frysk troch de adel en einierde boeren heechhalden waerd. Der koe gjin brilloft ef promoasjefeest halden wirde eft in rytnstik yn 'e foltseigen tael forhege de Beur. De nasjonale heechtiden waerden yn Fryske poëzije bitocht. Ek wier men op in platboersk stikje yn it almenak geset. Sa scoe: der in knappe bondel Midfrysk twisken master Gysbert en de Althuysens - de saneamde stihe tiid fen e Fryske skriftekennisse - gear to stallen wêze. By neijer ynsjen scoe it den bhken dwaen, det der mear wirk yn e winkel wier. as men miende. Ik jow yn chronologyske folchoarder in lystke fen it foarnaemste. dat foar it ljocht kaem. en diel der in hap en 'in snap üt mei. I 1649 En Friesch brillofts Freughde to loff fenden Ed.e Haeghverhehten wijdbitochten Jr frans fen eijsinga der to sijn alderleafste breijd verkrijggl* het. den Ed.e Jongen tijggen en brauwen Juff.r Aeltie fen eijsinga inde gaer booske staet. lit uws hart meij gritte wille hier nu fen de groun op tille ijnde heegste top en sin ast om heegens komme kin to greet loff en blijtschips eere fen rjis Joncker off lans heere der sijn hart to dit prijeijll leijt vorwis nu in verweijll soo dat nu de heege sinnen ijn "hem korts neat büjouwe binnen mar omtlucke wijd gelijck to dis juffrous heegste rijck en der to dis juffrou teere toont en heegh verlichtins eere oon dis Joncker heech verlicht as eein eerbaer braave nicht eysinga eein Joncker aardich toont hem heegh en wijd sieraadich torch de braaffheijt fen syn haan is eein aardich heer fent laan. Dit brilloftfers is makke troch de skoalmaster fen Eagum, Pieter Freerks, op it boask fen Jhr. Frans fen Eysinga, grytman fen Ljouwterdiel op Jousmastate to Wirdum, 14 Jan. 1649. It is hanskriftlik yn 'e kolleksje Eekhoff op 'e Provinsiale Bibletheek. II. 1661. Klucht van De Bedroogen Smid gerijmt door Jacobus Kemp (2e pr. 1726). It stik is spile yn 'e Amsterdamske skouboarch. De skriuwer wier seis ek toanielspylder. Yn it stik komt in Fries foar, de smidsfeint Jelmer, dy moat de hammer dellizze om mei to helpen, det in studint, dy't de eare skeind hat fen 'e smidsdochter, mei hjar boasket. Hy seis nimt hjar op it einsluten ta wiif. Jelmer praet Frysk yn dizze trant: De deil veinten, het issr ijnne wraad al te dwaen? De iene macket de bern, en d' oor motse de kost jaen: So seit oes master eak gean, dy is der mooy bidraegen, En noe -stioerter mi nei ien 't scoeinder toe, der gieter mi mei pleagen, Der mot ick ien scioester hinne, wer of ick him noe fijn? Soe hie thoes niet wesse? hoe ist, of bin ick blijn? Hir wennet tingt mi die deil, ick sei reis oppo door boutso. Dog iepen doe lilke deil, stan mi te wird, doe guodse. III. 1671. Jan Sickes, ljaefhabber der Stierrekunst yn Ackrum prakticere for 't jier uws Heeren 1671, in Frysk boere-almenak, dat Lambert Coumans fen Ljouwert ütjoech. Dêr steane 24 rymkes yn by eltse moanne en moanneketier fen dit slach: Mey. Hoe kimme mooyer dagin reytse • Alle schepsels har vormeytse Feyntin Fammin nu om pas Rolje yn het griene gras Juny. O dy moye gouden Sinne, Komt haest ur uws holle rinnen, Syn gongh is nu machtig haeegh, Haest so daelt hij wer om laeegh. July. Sjugh reys ho dy Haentje-mieren Mey dy seyne gaeaen plesierin, Komt har dit van suwp of waey, Wol dus dronckin dat komt fraey. Feyntin, Feyntin for soek boljen Mey dy Fammin sa to roljen Yn dat nye griene Haeae, Bring dy arme djier naet daae. Dy goede Sinte Klaes orarae, Jongers, jongers dy sil komme, En bringe jimme yn schoeg in hoed, Koecke Nuytin in soek swiet goed. Alle ferskes binne printe yn it N. Friesche Volksalmanak. 1854. bl. 55-59. IV 1672 't Opriucht Frysche Boere Almanack. voor 1672. practiseere trogh D. Dambrosium Magirem ten Tongen. Astronomum. Dit almanak hie it Frysk Genoatskip yette yn eigendom yn 1870 (De Stedel. Bibl. v. Leeuw, fat 428). mar is der net mear oanwêzich.. V 1676. Friesche Boere Almanac vor 't Schrickel-Jier uns Heeren 1676 practiseere trog M. P. Liefhabber der Mathematische kunsten, by Schelle Tochems tot Leeuwarden. Fen dit se sume boekje is mar ien eksemplaer bikind. dat nou eigendom is fen e £ov nsiale bibletheek. Ienris siet it bimitsele yn in skoarstien to Makkum. J. H. Halbertsma krige it yn 1835 fen J. Kmgma. dyt it wer hie fen Schelfsma. De „Voorreden" bigjint: Ade fromme wolbikende, Friezen: wol te rjoegte seyt en sijeker aad schuwe dTt'de dingen hier op yrden heel gelijck binne en omdrajend ron è want est gelok lustigh draeyt en swaeyt, en altemets bhjeken en ektn^en gunst uytdeeW, oer laannen en lioe, dan wirde somm.ghe haest oon de HijnS to verhaege, en in 't kort kent so volle verander*, dat sokke all.jk es oon de afgroon vernedre wirde. De moannen hawwe hjar rymkes: Jan. Kort daegen, Winter flaegen, Het men in 't begin ven 't jier, Nu maei Slijden, uyt te rijdden, Het wol mennigh graeet piasier. Febr. Wolle wy een jachtje meitse, Naei de ien of oore Sted? Kom dan gauw mijn laeive deitse, Want uws goed is dog verset. Maert. Dat it swier om oon ta haeerén, En du roptste luud en licht, Doch dat komt ven banketeeren, Bru dan hinne naecken wicht. July. Dat is sijcker liaeve maeije! Om roone goden is te dwaen, Elck maei hette hinne praeije, Es men dy het ken men dwaan. Aug. Greate saken swiere dingen, Ken men dan te oonder bringen, 't Jild ho wol 't is roon en kaad Makket warmte ijn de wraad. Efter yn itselde boekje stiet in Prognosticatie our de Friesche Boere almanach oer 't Schrickeljier uus Heeren 1676, practiceere trog M. P. Liaefhabber der Matthematische kunsten, fen deselde ütjower. Hjir hat men it ein der fen: De Huyslioe bihoevet naet op de rongen slijpje te litten, mar mogge har wol vort spoede, dat se 't noot, en 't haee, in de schoere krije, eer dat de Herst bigjint: Der eerst in 't bigin wol goed waar maei bringt; so dat de Laanbouwers, wol hette tijd habbe sille, om hette in de ijrde to bringen: mar in 't eyn sommes variabel waar: de Winter sil aeek sommes so heel mooy naet wesse, Reyn, en Wijn, Friesen en Taeien, en allerhanne waar sille wy sommes wol krie allijck est vaak bart: dog 't maeest ven de tijd; en ordinaris sil 't wol hette kaad wesse: en dat naet sonder reden; want de Sinne sil wol meer es 700 mijle vierre ven uws Friesch toppunct wesse, tser vor en haeel jier west het: es dat so naet komt sis dat ick 't flouw: en verwachtie di tijd maei patiëntie. In oar fragmint üt de Prognostikaesje hat Dr. F. Buitenrust Hettema yn syn Bloemlezing uit Oud-, Middel-, en Nieuwfriesche Geschriften 1887. bl. 34. VI. 1684. Koddige en Ernstige Opschriften, by Jeroen Jeroense te Amsterdam, 1684. Hjir komt de alde Sint Steffens lofsang yn foar, dy't bigjint: „Dy hollige sinto Steffen" én dit „Fries luyffelschrift tot Leeuwarden": Dy folie het sei folie litte; Dy langst libbet sei 't algerre besitte. Det dit mügük wier. biwiist wol de sterkens fen it Frysk yn e haedstêd. Sjuch: It opstel fen J. H. Halbertsma yn N. Fr. Volksalmanak 1865. bl. 19-24. VII. 1686. De Bronswaan door Titia Brongersma. by Carel Pieterse te Groningen. 1686. De dichteresse hjar widze stie tinklik yn Dokkum (pl.m. 1660). Neitiid waerd Grins hjar wenplak. dêr t hja kinde hie oan *e earste slachten lyk as de Ripperdas en Coendersen. Ek hie hja relaesje mei prefester N. Blancardus to Frentsjer. de skilder J. H. Fedensma. dokter Ludolf Smids to Grins en oare mannen fen kinst en wittenskip. Yn e Pinksterdagen fen 1685 ütfenhuze hja yn Borger by goefrjeonen en joech hjar oandacht oan 'e hunebêdden yn dy oarde. Hja bigoun Ünder de reuzestiennen to graven en foun urnen, diggels en oare aldheden. sadet hja ta it bislüt kaem, det it grêfsteden wierne. For dy tiid wier dat in Ontdekking. Hja koe ek it Fransk üt 'e pin. Yn hjar bondel komt mear as ien Fransk fers foar. In hopen fen hjar gedichten binne toanset op de wize fen Franske „chansons. Binammen de forneamde Franske lyrikus Pierre de Ronsard mei syn rykdom fen metrum en tael hie hjar biwündering. sadet hja m fers makke op syn portret. Men hat Titia Brongersma oan 'e iene kant forhearhke as de Fryske Sappho. oan *e oare kant forhune as in rymster fen neat. De wierheid leit hjir yn it formidden. Hja wier de poëtyk as ktast fen fersmeitsjen danich mansk. Mei alle soarten fen metrum koe hja oer wei as de beste. Hwet seit men fen dit minneliet? Ik kwijn gelijk de wortel doet, Die in een steenreep zit bedolven, Om daar t' ontlasten 't droef gemoed En sijne smerten uit te golven Door gesteen en gekir, omdat het is ontbloot Van zijne hertgenoot. Zoo treur ik om mijn Eenigst een, Zoo klaag ik in gekloofde rotsen, • En galm door herde klippen heen, Die het bange geluid doen botsen Aan de top van 't gebergt, in 't verwilderste woud Waar niemand zich vertrouwt XIV. 1707. Reis mei in jacht fen Ljouwert nei Follegeasterbrêgge. Dit rymstik fen sa'n 350 rigels is hanskriftlik yn 'e bibletheek fen it Frysk Genoatskip en öfkomstich fen rektor C. Camphuysen to Schiedam (pl.m. 1828). Hjir folget in priuwke: Her wier dan noch in spegeljacht der eak dan neij de heeren wacht dat Andringa gritman fen Lemsterlan stioerd hie om te bruwken neij har han der ghijngen da de heeren ijn in stracks fort meij de moije wijn Mar sa fijer as wij se zij Hen zeagen strak harr' oppe hacken neijteagen alheel oon 't Eylan Uwllesprongh Mar hien jemme heerd ho dat it klongh uwrre heele Tieuwckemar hinne da s' de sticken lieten öfrinne Jimme soene seijn habbe: o schea alle fisk is oppe mar dea want ja scheaten woll mey sex sticken der s' ofbaanden sonder micken it gijngh all stevigh buws, buws, buws, in de konstdapel hie in heal ruws, want wij hien erdoor ris ta sett, al luwkwoll beseerder nimmen net, dat wier al folie, nu dan wij laaijne hier da: strak oon ijn Lij by dit Eylan of disse Póle. Dit rymstik is in wolkomme bydrage for 'e skiednis fen 'e Fryske seilsport. De grytman, dy't hjir nëamd wirdt is Regnerus van Andringa, (1674—75), dy't De Lemmer ta bloei brocht troch it oanlizzen fen fearskippen en postweinen en bettere forbinings mei Grins. De makker fen it fers is tinklik in neisiet fen 'e dichter Dirk Raphaels Camphuysen (1586—1627), dy't op it Amelan en to Dokkum in frijpleats foun yn syn ballinskip. XV. 1707. Exodus XX op rym brocht. Hanskrift fen Paulus C. Scheltema (Prov. Bibl.), en troch him datearre op 1707. In wfadoe tekst hat Boerevtiesk yn rym fen onrym pliaierig en stlg«lyk om ta leissen fen S. S. Ypma. Snits. 1821. It bigunt s*. Exodus XX. Goad sprack op Sinai's Berg wol eer: lek bin je Goad in nimmen meer, Ick lied jim uwt Egipten Lan uwm zwiere druck fin Pharoas han. Jaan op nin oare Goadden acht Je habbe sjoen mijn greatte macht II. Meitse nin lyck fin tingen haeg in nin Bildnis fin aet uwm laeg uwm it oan ta baen, ho 't meij gjaen, dat woard fin mij za hurd forbjean. III. Noam ne Goads nahm ij(n) boertarij Soacke bin e fin sckjold neat frij IV. Seis tagin bin for arbeid fest in Sneins moat habbe alles rest: Goad restte salm din zan-din deij. XVI 1708. Oon dy Ljeap yn Wittne Brauw Jong Tzjerl Hendrick Freerck de Boer. As hy ynne heage Schoalle fin Frentsjer schoe twistmuwlkje oer dy forschynning fen uwz SiUigmeytser ney Syn opstanning oeyt din deadin. trog dyn Stalcke. dy t t wo oars meytse schoe. as hy 't mar uwtje koe. Z. L. R. Dit fers stiet yn 'e Disputatio de apparitionibus Jesu Christi ex mortui* suscitat,. Franeq. 1708. It is ófprinte yn myn opstel Twisken Master Crys» bert en Wassenbergh yn It Heitelan, 1924. bl. 383. XVII. Pl.m. 1710. Ien boere rymleri op 't lisse litten van di Nominatie; 't gien aldus lied: Soe ik myn penne lisse litte Nu ik sjoeg dat 't hier sa giet; Dat koe ik myn libben net verjitte 't Wier voor my ien graet verdriet ensfh. It geheel is printe yn M. de Haan Hettema. Frieske rymkes, 1841. bl. 112. It rymke sjucht, neffens him. op de Ljouwter boargemaster Jacobus Bourboom. XVIII. 1710. a. Kluchtige zamenspraak tusschen een edelman en een boer, die met elkaar naar Leeuwarden gingen om het inhalen te zien van hare doorluchtige Hoogheden prins Johan Willem Friso en prinses Maria Louise van Hessen Cassel, welke inhaling zeer triompheerend geschiede, op den 2 Jan. 1710, alles kluchtsgewijze in rijm gebragt door Mr. D. Simonides, schooldienaar in het dorpe Zurig. Ie Koupiet: De wraad dy is op stelten, Dat ljeuw ik sijkker wier, En swar het by sint feiten, Is dat net wakker swier? Hwet wier te Ljaeuwerd joed, Verbaasde simpel tjoed, Dit ken ik jitte, net forjitte, 't Gong net goed. XIX. 1710. b. Under deselde titel fen deselde skoalmaster in gearspraek, deels Hollansk, deels Frysk. Beide binne op 'e nij printe yn in almenak fen 1735 by Johannes Thyssen to Ljouwert, troch K. P. Reenalda, Ijeafhabber der mathem. konsten. Sjuch: de Haan Hettema, Fryske rymkes, bl. 76—80, 115 — 167. XX. 1711. En gelok-jouwinge oer de geboorte fen de jonge Prins Willem, Carel, Hendrik, Friso en Nassauw ynne wraed komt te Ljouwert de 1 September saentien honderd aelve, grif ek fen D. Simonides. Yn 1735 op 'e nij printe yn boppeneamd almenak. It bigjin is: Sa op 't Boers wey, Hjer 'er mar zwiet ney. Kom nou volkjen ljaeve ljeuwe, Lit uis dichte lit uis schrieuwe Lesse en rymje en aek reys sjonge Om de Prins dy lijtse jonge, Der te Ljeuwert op het hof Komd is; jaene nou Gods lof. XXI. 1712. Tsjien Fryske brieffragminten fen majoar Frederik van Grovesüns, gouverneur fen 'e festing Bouchain (Lotharingen) Bodders yn 'e Fryske Striid 21 oan Jhr P. F. Vcgelin van Clacrbcrgen. dippetearde to fjilde. Yn extenso haw ik se meidield yn De Holder (1926) mei histoaryske taliochtings. Grovestins stoar 30 Nov. 1730, as gouverneur fen Bergen op Zoom. De dichter J. Buma skreau do oer him in fers: Neêrlandts Rouwklagten uitgestort over de doodt van Jhr. F. v. de tael fen it tón yette yn eare wier by deftige boargerkringen. De Althuysens en de Tiboels binne de dragers fen in tradysje, dy't ütrint op prefester Wassenbergh, de gelearde, dy't him ek net skamme om op briUoften en hüslike feesten syn rymstikken foar to dragen. En dat wier yn dy dagen in tsjügenis, in fonk dy't oplögje scoe ta in fjür. Simen Althuysen hat in fêrs makke tytle Op dy jinwirdige Tiid, dat in Fryske blomlêzing net üntsieret. It biskriuwt mei skerpe kleuren de ilinde fen 'e oarloch: Do't jong noch ald bynei de dead ontkomme koe Dêr fjild by fjild as dong mei deaden laei biditsen En tüzenen forslein, formoarde en trochstitsen, Der d' earme husman troch de krigers yn it fjild ' Fordrukt waerd en flntbleat fen hynzers, kij en jild; En hy mei wiif en bern forslein waerd en forjagge, En elts al güzjende syn need oan oaren klagge. Dêr mannich foar in stêd onsêft fleach yn 'e loft, En heal forbaernd, forskoerd wer yn 'e ierde ploft. Nei al dat moardzjen komt de gouden fré oanlabberjen. Dat jowt yn it hele tón, yn gea en stêd wer moed en hert. Men heart nin sjitten mear. Men sjucht de boerefammen de kij wer meltsen. De husman kin nou syn tónnen rêstlik ploeije. De keappenskip wirdt libben to wetter en to tón. Mar dêr is noch gjin ein oan 'e pleagen. Minsken en bisten wirde oantaest troch" in kweade sjuchtme. Hy skriuwt dat ta oan 'e sünde: Mar frjeonen, leau it frij, 't binn' üs greate sounen, Dy brouwe üs dit kwea, dy jaen üs djippe wounen. De heechste Heare haldt syn swipe noch omheech Om üs to giseljen mei yette swierder pleach. En sikerwier, as wy yntiids noch net üntweitse Ut üs fül sounbidriuw, Hy scil üs swierder reitse. En den einget er mei de winsk: O! ho wier it dan to winskjen, Dat elts syn sounen öfbriek yn gerjuchtichheit En ófstoe fen it kwea; hjir is it dêr 't him leit. En dogge wy it net, wy scille 't üs bikleije, Lit üs üs onkrüd dan ütwjudde en ütfeije, En mei in britsen hert delfalle foar syn trean Lit üs mei triennen yn 'e eagen nei him gean. Hwa wit de Heechste mocht üs wer genedich wêze En al üs wounen wer forbine en genèze, Sa scoe üs ljocht dan ek wer opgean as de dei God scoe yn 't koarte al syn pleagen nimme wei. It laei foar 'e han, det Simen Althuysen syn soan Jan studearje liet oan 'e hegeskoalle fen Frentsjer (11 Nov. 1741—50). Men scil sizze njoggen jier, hwet in rek! Eft Jan net to goed oerwei koe mei de theology? Men wit it net. Mar dit stiet fêst, dy njoggen jier hat er it Fryske findel heech halden. It wier do wezansje om efter eltse dissertaesje dichterlike lokwinsken fen frjeonen en goekinders printsje to litten. Dat rymwirk wier meast Latyn. Mar Jan die it- stryk en set yn it Frysk. Sa hat er mannich „carmen gratulatorium" dichte en it scoe de moeite wirdich wêze, as immen dizze carmina fen Friezen allegearre yn in bondel forienige. Dit terrein is yet fiersten-to-min neisneupt en yn dat soart fen dichtwirk. Latyn ef net-Latyn, leit dochs in nasjonale skat fen boumateriael for in Fryske kultuerskiednis. Nei ófrin fen 'e stüdzje waerd Jan dominy op 'e Lytse Jouwer yn Dongeradiel, dêr't er oan syn dea ta stie en syn Fryske Rymlerij, Ljouwert, 1755, gearstalle. Dit boek is, lyk as de Fryske Rymlerij fen master Gysbert. in steatlike kwartyn. It binne ek de iennige kwartinen. dy't de Fryske letterkinde oanwize kin. Men scil sizze. it komt net op 'e greatens oan, in lyts octavoboekje kin mear weardije ha as in grouwe foliant. En dochs sit yn dy kwartfin yn brünlearen ban mear as men oerflakkich tinke scoe. . „ , Det sa'n djüre ütjefte müglik wier, is in biwiis det it frysk yette yn eare wier by de hegere stünnen. dy't sa'n boek allinnich keapje koene. Fen 'e Fryske adel scoe nou miskien in dead-inkele gesteld wêze op it patronaetskip oer in Frysk boek. mar om 1750 hinne wier dat hiel oars. De taeleigening fen 'e Fryske Rymlerij is oan trije Frysksinnige edelljue. n.1. Jr. Douwe Ernst fen Aylva. grytman fen Westdongerdiel, Jr. Eduard Marius fen Burmania. riedshear fen it Hof fen Fryslan en Jr. Ernst Frans fen Aylva. grytman fen Baerderadiel. Althuysen bisoude him dêroer, det der ünder de eigen Friezen safolle wierne, dy't hjar moerstael yn 'e groun forachten, ja dy't it bynei for skande rekkenen om „boersk" to praten. Hja lieten de Frysk-sprekkenden net mear for fatsoenlike ljue trochgean en sa waerd de alde Fryske tael lyts rekkene en meijertiid üt 'e wrald band. Winterjoun yn it Fryske binhüs. De trije niisneamde edelljue lykwols wierne greate foarstanners fen it Frysk, dat troch hjar alders en foaralders spritsen wier. Yn hjar striele noch de roune Fryske oprjuchtens en ienfald. Binammen Jr. Ernst Frans fen Aylva hie Althuysen fen syn studintejierren öf oanwakkere for de tael. En dochs hearde der mei sokke patroans as stiper yette moed ta in wirk üt to jaen lyk de Fryske Rymlerij. Forearst wier by de greate heap de psalmbiri- mina fen Petrus Dathenus noch yn hege eare. En den dy wijde heten oer to bringen yn e „boeretaaT en yn in boek plak to iaën efter brilteftsrimen. roun it net de spuigatten ut? De dichter achte him den ek forplichte dêr in wirdtsje oer to sizzen. Men moast it net forkeard opnimme. det de psalmen efter de oare rimen pleatst waerden. Dat barde net üt lytsachting. Hy koe mei wierheid forkjearje. det hy de psalmen heechskatte as Gods Wird. En dat wier den ek de reden, det er syn snipperüren bistege hie om se yn Frysk rym oer to gingen. En de hja efteroan stienen wier hjir fendinne komd : 1°. Master Gysbert Ine it ek dien en men hie nea net heard. dat immen dêr tsjin opkaem; 2° Omdet de Psalmen yette allegearre net klear wierne. dot men it wirk bigoun to printsjen. Hy spriek de winsk üt. det syn lansljue de psalmen net allinnich léze mochten üt nijsgierrichheid. mar om der geasdik en ivich foardiel mei to dwaen. It wier him gjin letterkindige saek. mar bigjinselsaek. It Fryske wird for i Fryske hert. Dat makke, nei syn bitinken. djipper sneed as it Hollênske wird. , Meidet it psalmboek in tsjerklik lieteboek wier. moast Althuysen as dominy fen e Griffemearde tsjerke syn oersetting neisjen en sa mülk goedkarre litte troch de Dokkumer Klassis. dêr t de Lytse Jouwer ta hearde. De Klassis bineamde for dat wirk ds. Jodocus Heringa yn Droegeham en ds. Wilhelmus Columba yn Morra. Dizze beide hearen forklearren yn hjar ..imprimatur, det hja üe ynhald fen it boek bifoun hiene yn oerienstimming to wêzen mei de tsjerkeleare en mei de H. Skriftuer. ..Us tinkt - sai*»"" hja - det dit wirk heel stiftlik is en wakkere gaedhk; it kin tsjinje om greatske minsken del to setten. ienfeldigen to underwizen. slügen oan to treastigjen. swakken to toerkjen ünwittenden to forljochtsjen en forlegene en bidroefde sündaers to ^ D^tkiedskriuwer-skoalmaster Foeke Sjoerds fep ..Nijtsjerk yn it Bast" seach der ek mear yn as in „litteraire saek. lyk as to merkbiten fait üt syn loffêrs. For it gemeinthk gesang wierne dizze psalmen best to bruken yn 'e 18e ieu. Hja stiene fier boppe Datheen en it scoe stif lik klonken ha yn it lytse tsjerkje fen 'e Jouwer. as twisken dê alde mürren de lofsang ophelle waerd fen Psalm 98 : 1: Fammen. Wistou eak Abe ho 't is west? Abe. Ja, Leeauwe Fammen, 't wier allerbest, Ja Seag Him kommen, Ja wier sa blier, En Hy versomme nen oer noag tied. Fammen. Ho stoet meyt patjin in Eerm-om? Abe. 't Wier allegerre. Freon wilkom! Da ney de Tjerke. Da neijer Miel. 't Famke roan mey. Zyn twaade ziel. Fammen. Ho roant neyt Booskjen joantijd let? Abe. Ey vreegje dat net. Ja moast ney Bed, Prinskin ontklaayden uus leauwe Prinsk. 't Famke ent Feyntje dat krigge har winsk. Fammen. De Oore deys Moons ho wiert da? Abe. Der Laay op Taffel za hette! ja! Famkis jim Gaaden en Zulvrenkream, Is mar ien Gears by die Eskenbeam. Fammen. Het zeyt jing Wijfke, daset zeag? Abe. 't Stoe Har wol oan ijn hart en eag. O dat min oan sijn Wijfke jout Smakt rom za swiet as ien Lammebout! Fammen. Blieut Hy nou by zijn Wijfke der? Abe. Nie leauwe Fammen. Hy komt hjir wer. 'k Gean Hem te miete. Hy heerd by uus. 't Zil tjin Him sisse fin wolkom tuus. Fammen. Abe ho stiet dy dit Boaskjen oan? Abe. Za, as uus Prins oert jier ien Soan. Kom, lit uus winskje dat lok en sein yn har Schurre rinne mey Hyngst in Wein. Yn Ljouwert kaem jier op jier alderlei foltspoëzije foar it ljocht fen Anne Jeltema (1727—1804). Dy hie as feint arbeide op 'e printerijen fen Koumans, Ferwerda en de Chalmot, oant er seis ütjower en printer waerd (1767). Hy hie de gave om for eltse gelegenheid fen 'e dei in rym to meitsjen, dat der by it folts tige ynfoel. En det er de Ljouwter tongslach yn wearde haldde, koe blike üt syn boekje Het vermaak der Slagterij of Geschiedkundig Verhaal van de hedendaagsche handelwijze, by zommige Friesche Stedelingen gebruikelyk, aangaande het koopen en verzorgen van hun Slagtvee, tot voorraad tegen den aannaderenden winter; de manier van het zelve te slagten, enz. alles vervat in eenen boertigen brief van den 19 Nov. 1768, geschreven in eene platte Leeuwarder tael, door een geboren Inwooner dier Stad (onder den naam van Pieter Wel te vreden) [A. Jeltema], en gezonden aan deszelfs Schoonbroeder in de Zevenwouden (4e dr. 1823). Dat stêdsk fen dy tiid sjucht der sa üt, bl. 14: Ik gong fiks in schik int hoekje vanne heed zitten, en raakte mette kop teugene stientjes in slaap. Dar had ik de nochlijkste Droom, dat ik it van zijn leven zoo niet hoord heb. My dogte, ik war innen karjeus Keuningspaleis, dar men inne Zee uitzien kon, en daar bij honderten van groote Schippen voor hor ankers laggen, die allegaar musten laden wudden met vleis spek en ander eeten, vooren Armee van en mennig-en-vieftig duizend man. Nou droomde ik, datter zude en magtige bult Vee slagt wudde; en, om dat innen goede order te besturen, had de Keuning my as Opzigter over alle Slagters ansteld, oppen fiks traktement. En hy hadde my en Zabel geven metten gouden Gevest, om oppe zide te dragen. Ik zei al droomende teugen mien Wief: Wat zeister nou van? nou bin ik deur de Slagterij allen groot Heer wudden. Zy zag my ris an, en zei: Ik bin bang, dat deur dien zupen en overdwaalsche gedachten, dien hassens zoo heelendal overstuur rake zelle, daste mij opt lest gek ondere hannen wuste.... Zy wude nog meer zegge, mar ik wudde zoo boos assen spin, en wude hor met mien Zabel de kop inhouwe, mer sloeg just mette voest teugen de theeketel, die over 't vuur hong, zoo datter en heele glop kokend water op mien iene bien spatte, war deur ik my zoo te brand hef, dat ik inne eerste drie dagen niet na de Winkel komme kon, en dattet spietigste waar, ook niet na it ofhouwen. Ut dit boekje kin sinneklear blike, det it stêds-frysk ek Frysk is, en ik mei net neilitte hjir de winsk üt to sprekken, det der hjoeddeis mar Jeltema's opstean mochten, dy't it stëds-dialekt fen Snits, Harns, Dokkum en oare stêdden fen Fryslan like feardich hantearje en like koartswilich üt it foltslibben fortelle koene. Tsjien jier neitiid kaem wer yn Ljouwert for it Jhr. 1778, op T Seydel s boekedrukkerij in selsum almenak yn e wrald, dat in dübelstoer koste. Op e earste blêdside stie: Dit zil tsjienje, om de Laeesser ris yn het Friesch Boers to forhellen. hette byzonders Ain 28 Aua 1777, er by het Ynheljen finne Prins, Prinsesse en ZZtZrl i Dy het schreun het. wit wel dat het allegjerre Leuls binne. Het komt ynne wraad troch Jehannes^Seydel de oppe hoeke finne Keunings striete te Lieuwerd volle boeken druk enlorkaepet. Er komme forschate Lieuw yn. dy er net best of komd binne; sjug het foroon ris oon Mayke Jakkelis, dat ien Fromminsche is, as ien Foegel. Hark ta! Den folgje 21 blêdsiden, dy't forhelje al hwet der passearre is mei Mayke, dy't mei in pong mei twahündert goune yn 'e büse en in koer mei trettjin jonge douwen yn 'e earm nei Ljouwert roun om lanhearre de hier to biteljen en de prins to sjen. Hja heart de klokken al lieden for 'e Prins. De poarte is ta, mar troch it lyts doarke kin hja deryn. Lykwols troch it kringen en stjitten rekket hja ünder 'e foetten en wirdt de ponge hjar Ontstellen. Hja gallet en kjiermet it üt fen fortriet.. De schildwacht. Was sjort er an, Jonk Weib? es ist Vreude-tagck, en ga je nou zoo pitter schreijen? Mayke. Zoe 'k net schrieme? ik bin al mijn jield hyr ynne Poatte kwyt wudden, en ien gouden punthaeck, fin njeugen goanne! Schildwacht Das zol ein Smaus kedaan habbe. Mayke. Ik hef er nen Smaus by sjoen; jae stietene my oere kop, ik tommele oer oore hinne, mey ien koer vol douwwen. Officier. Holla! hey, staa voor den bl..., ik heb de wacht! hier zal geen mensch door, of eerst gevisiteerd, of hy geld heeft, parbleu! Van wat specie was uw geld, vrouwtje? Mayke. Ik hie nen Species, het wierne allegjearre Schillingen, zeis hondert en zeis en zextig, mey twa doebeltjes. Officier. Hier Smous! waar is het geld van die boerevrouw? Ga zoo lang in de wacht, wees niet benaauwd voor Militie. Geef op! of Le Diable vous cherchera, Bougre! David. Hik weet niet, tat mijn Keld han hiemand pehoort; hik eb swaay ondert Kilden in een zakje van Hameland keprakt, 't pinne, Skillingen, 't is waar, py main libbe! Officier. Direct, geefze, of gevangen, die behooren die vrouw. David. Py mir Iepen, zi zont naine, hik eb ze heerelijk kewonnen op het Land. Officier. Ou on vous menera tout a 1'heure, aux sersjents de la Vitte! Soldaat. Allo Maat! David. No, no, der yst ten main aige kilt 't is warhaftig waar; swaay ondert Kilden! tat staatje ien tag te wezen!... Officier. Vrouwtje Lief! Zie daar, is uw geld. Mayke. Het mat Je nau ha, myn Heer? Officier. O geef de schildwacht eén zestehalf, en my een lief zoentje. Mayke. Patte wey mar, myn Heer, al woene Jou toussen ha; Jan sjugt het net. Sa giet it troch koartswilich sünder ein yn dit foltsstik, dat rjucht en feardich op 'e foetten stiet as Mayke Jakkeles seis. Den folgje twa sangkjes trog Zymen Gellerts. 1° tytle De leste Scbaef ynne Schorre. to sjongen op 'e ..wize finne e Vne-scbP. 2 De Aademan mey gryes Hyer. Dêrop komt it forfolch fen Maykes wearfarren en thüskomst yn Haiku». As taheakke wirdt ow De oprieugte Wierheid. oon 't lieugt brogt. trog de fuddige Mayke ïkkeles. for 1779. Je jouwt de Yteljaansche Wierz.ssei: ner,l by t foruit t zil rönom wierheid waesse. der kin de Friesche Wrfid staeet op meitsje. of jae is nen Mayke Jakkeles. Mei dlze Maaike forskynt yn e Fryske skriftekennisse in figuer d/Tmen in foech hündert jier neitiid noch weromfynt. H,a wirdt hjir biskreaun as: de C£ . har „Kant fin lyf en laee; je ^^.^„^"^y twaa pikzwarte aeegen; oppe rjeugte plaets; de noos yn™J^*m% \ oon 't wurk ta komt; rae fin Wangen; twaa rjeugter hannen hetze, as 1 00 borst. jae kin bjuster schroores en asse conklaui • het zejouwe^ ^ ^'dtaagT^ 12 l^JMS ~Ï wyf, 1" op het best fen hjar libben is. „ .. Dit fromminske. dat to Gauw oppe wrald kaem en yn Hallum great makke waerd. dy't bibellêze. krantsje ™ ™ fn forstHn dat klear en ryp wirden wier op e kald: groun.lyk as de maeigêrzen, waerd de bizige wiersizster fen e Fryske faamen en feinten. Harkje mar : Jannewarjes. Se asL «e, de tan,™ ri.ne, oos ninge. ba, a,oo„ de nooadnp, en dan wolle de fammen net patte litte. Maaye. SSKleTen be**, da, « .e M£ taTfinjoele en ynt waeedsboes forbmid b,, de, ze ,a z«,e. on, a,be,dde ba, dogs neykleijen helpt net. Juiljes. Eerste ketier nog ris tiesdey de 20, moons te 10 oere, yn de Schorpejoen (ney iSs zisse'n) mey mooy waar. "t Zi. joon wakker had joons net let Zinte Margriet, of de futten zoene w.et wudde.kinne, ynne nye hoassen. msmi 5° Oon en For dy Boeten-Postmer: Doe jae 't Gelok hienn. Bn zijne Trogluftigste Haegheid, meij dij Princesse en Lijtse Ben Te harris. de 8ste fin de Nieugende Moanne Zantienhondert Zaanenzantig te haffen. Ik lit hjir trije koupletten folgje: Laeits aek nou Boetenpostmer volk, en smeits het zwiet, Fin Willem zijn tjenwuddigheid!.... Kom sjong het Lied Vievat!... röp allegjer ... Wilhelmus fin Oranje! Plooits blommen fin de moiste kleur, Meits boogen jou jer zwiete geur, Omhing de Boere kijl en Broek meij geele Franje! ... Op Walthoon blies uis Frans en Fliere Zoon der bij Wilhelmus fin Nassouw! Vijf Boogen oppe rij! For Vrouw Acroonjes door( stie zokken Eere Poatte! Dij Harders meij de Schiep ijnt wijt Dij Harderinnen aek, ta spyt Der Frouwliuw wrammels wier, want elk woe lustig Boatte! Die Vrouwlieuw matte Joed wol Donsje ijne ring, Dij Bentjes boatte zwiet... je sjonge jen noflijk ding! Nei Danjel Haersma's slot fleêne Aadde en Jonge hinne! Uis Grietman het dij Prins ta Gast! Agt Karsplen hie het oors net past; Dogs nou is 't wrammels goed! Lit greut enlijts mar rinne! En nou komme wy ta it libben fen Feike Hiddes van der Ploeg. Hy wier de aldste soan fen e Frentsjerter keapman Hidde Feykes en Grijttje Beerts Wassenaar. Heit wier Mennist, mem griffemeard. Sa waerd er 20 Maert 1736 yn dy tsjerke doopt. Om de fragen fen it doopformulier bianderje to kinnen, wier heit in deimannich tofoaren (15 Maert) ta de Fryske lantsjerke oergien. Mar it Menniste bloed kaem wer boppe by de soan. Hy liet him wer opnimme yn 'e Formoanje. waerd 25 Oct. 1759 as studint to Frentsjer ynskreaun, yn 1767 biroppen as Mennist learaer yn 'e stêd fen Hynljippen en troude de 24e Maeije fen dat jier mei Antie Pieters Hoekstra, in Frentsjerter jongfaem. Dat houlik waerd bifêstige yn 'e Griffemearde tsjerke fen Gaest, dêr't syn styffaer, Wybius Bosma, dominy wier. Det de Hylper tongslach him hiem waerd, lit him nou forklearje. Yn Dokkum wier er learaer fen 10 Sept. 1772 oant 1787. Hwet er do foarfallen is, wit ik net. mar dit stiet fêst, hy rekke dominy óf. Tydlik forliet er Dokkum, mar yn 1788 wier hy dêr Wer, mar net as foargonger fen 'e gemeinte. De dea wonk him 29 Juni 1790. Syn widdou forteach yn 1795 nei Snits. Yn 1778 hied er mei H. Groenia in boekwinkel en ütjowerij. It Steateresolüsieboek fen Fryslin hat fen him in forsiik om for 'e tiid fen 15 jier printsje, ütjaen en forkeapje to meijen it wirkje Eenvoudige gronden der Nederduitsche spraaken digtkunst of nieuw volkomen ABC boek. Hy joech yn dat jier ek üt in bondel fen 47 berneferskes „voor de jeugd, om ze te vermaaken; ter beschaving van 't verstand, ter verbetering van 't hart" en over het nut van den godsdienst, mei in fers dêryn oan baron G. F. thoe Schwartzenberg, de man fen it Charterboek. Syn letterkindige frjeonen yn Dokkum wierne Taco Schonegevel, Thijs Feenstra, rector de Crane en de Remonstrantske dominys M. Stuart en C. W. Westerbaen. Syn beide soannen binne Menniste dominy wirden, de aldste Hidde Wibius, berne 1769 yn Hynljippen, to Krefeld, Goch, Kleef en Emmerik (pl.m. 1853); de oare Johannes Aeschinus to Grou (pl.m. 1859). It wirk fen v. d. Ploeg fortsjinnet yn in bondeltsje samle en op 'e nij ütjown to wirden. Sjuch: N. Biogr. Woordenb. VI, 1137; O. A. Wumkes, Stads- en Dorpskroniek van Friesland (1776—79) yn Vrije Fries XXVII, bl. 7; A. Telting, Het leven van J. W. de Crane yn Vr. Fries VII, 132; P. Leendertz. Tooneelgezelschappen te Harlingen, yn Vr. Fries, XXVIII, 128—146; A. Jeltema yn N. Biogr. Woordenb. VI, 859. Earepeinje fen it hirdsilen op 'e Alde Skou. Dit stealtsje Frysk foltslibben üt 'e grytmannetüd, lyk as de Ljouwter krante fen dy dagen it biskriuwt, docht yen pynlik oan. Dat wird fen 'e jiffer „Bisit üs liif en siel" wier in hün op Fryske frijheid en herheid, lyk as master Gysbert dy ienris ütbylde hie yn syh Fryske Tsjerne, de boer, dy't de edelman oanspriek mei „tsjirl." Allergeloks wier dat alde Friezenlaech noch net ütstoarn. As in ünforbastere leat stie oerein de frije Fryske dichter-boer Eelke Meinderts fen Westergeast. Hy waerd ünder 'e klokslach fen dat gea berne, de 11e fen Wintermoanne 1732, hy forstoar de 25e fen Wynmoanne 1810 yn 'e Kollumer bürren. Sjedêr de beide data, dêr't it ljeaf en leed fen syn libben yn gearskeakele is. Men mei oannimme, det syn alden boer wierne dêr yn Westergeast. Syn jonge jierren binne for üs in lege romte. Ho't er skoalmaster wirden is? Licht is in plak forsongen en teach Eelke der ek ris hinne op aventür, as jongfeint mei in snoade kop, dêr't de póle fen it alderhüs to lyts for waerd. Hy die mei oan it eksamen yn 'e skoalle foar 'e bern yn rekkenjen en skriuwen, en do yn 'e tsjerke foar 'e hiele gemeinte, hwet it sjongen oanbilange. Hwent dat wier de haedsaek. It skriuwen moast mei moaije krolders, en it sjongen mei greate draeijen, sünder fen 'e wize to reitsjen. En dy't it dêr it fierst yn brocht, wier de man. Eeltsje krige om 1750 hinne it skoalmastersplak fen syn bertesté, dêr't er mear as tweintich jier yn omheukere hat. De skoalmaster hie do in earmdik bistean. Hy koe de skoarstien amper rikjende halde. Alderlei bybaentsjes moasten him troch de tiid belpe. De ien ferve, in oaren-ién skroarre, in tredde wier skoenmakker. En ef de bern net goed learden en skültsjesetten, ef dat it tsjerkefolts him net goed neisong, ho t it wier wit men net, mar it skoalmaster jen dêr krige er syn nocht öf. As jongfeint hied er twa eagen smiten op in faem Lysbet Martens, dêr't er oan boaske. Mar mei it trouwen kaem de doar fen bikommernisse iepen. It houlik waerd seinge mei seis bern, en den spant it om roun to kommen yn in tiid, det in hjelbrea fen 12 poun in goune kostet en in fjirde büter 4.0 goune en de horeen- en dyklêsten de minsken it jild öfpülket. Licht hat Lysbet de boerkerij boppe it masterwêzen foar kar nommen. Yn elts gefal droech master Eelke yn 1778 de hanplak, it hoanneboek, it klokstou en it foarlêzersboerdtsje oer oan syn opfolger Durk Teijens, om boer to wirden efter Kollum op in pleats fen Jhr. Hector Livius fen Heemstra, dy't op Fogelsanghstate to Feankleaster wenne, de skoansoan fen Willem ^ " Anne fen HareaJ Dizze edelljue rekkenen it hjar ta in eare Eelkeboer ütfenhüs to hawwen. En as de line om it hea siet, mocht hy minlike graech yn dit hege selskip tahalde.Datbriek deientoanigens fen 'e lange winter. En byhwennëar snie en heil om 'e hege huzen jage en it jounmiel wier biredt. den skikte men oan om e hird foar it houtfjür en hie it oer de pofafifo tastannen ef de poëzije fen Bellamy, Feith en Bilderdyk, dy t lyk as hja allegearre de Oranjes mei hert en siel tagedien wieren. Syn dichtwirk sette yn mei twa Oranjefersen: ïo Blydschips betsjoeginge oon syn trogloftige Heegheit Willem de Fyfte Prins fen Oranje i. z. f. by gelegenheit dat Zyn Heegheit to Liouwerd ynhelle wirden is. dy 24ste fen Julius 1773. 2° Volle Gelok en Wolkomst Winsk. oon har Trogluftige Heegheden. Willem de Vyfte. prins van Oranje, en za vort, en zijn keuninglijke prinsesse en bentsjes; op har steaetelyke oodmrtta Leaeuwerd. Vrieslaons Hoof en Heegsted, op den 28 Augustus 1777. Beide stikken binne printe to Dokkum by H. Groenia Stedsdrukker in Boekforkeaper, 1777 en hawwe twa printingen bihbbe. De oarde printinge yn ien boekje waerd lykwols omsetyn de aldfryske stavering, d.w.s. dy fen G. Japiks. Eelkeboer jowt der yn Ien Wirttje oon de Lezzer rekkenskip fen. Hy skriuwt det er it op oanstean fen 'e ljue dien hie. dy seine: ..ik moest mi, neat „ei de onkunde, mar nei de kundige schikje. in de Ade= Fneske Tale neifolgje az ik Boersch rijmelje woe. Dêrom hab ik ze alle beide hette oerbinsche, in za goed az ik it wist. ne. di, least fin Gysbert Japix schoege." Dêr kin men üt opmeitsje, hokker gesach de Boalserter master by syn forearders hie. De fersen waerden nou ütjown op ljochtblau pompier yn itselde jier, en de boekstoaijinge kaem der nou sa üt to sjen: Neê Prins, 'k forjit mijn libben neat jons oofkomst, 'k tins zo faek Jons Aders beste wirken nei: 'k liez korts jitt' mei formaek, Het dij al diene for uwz Lan, In for de oprieugte Leere. Zo lang as wij 't Oranjebloed bihade zil 't wol gean, Zo tink ik faak, hoe near, ja brijk, 't ek mei uws Lan mei stean; God haöt oon uws tro her zijn han, Nin ien kin uws het deere. bl. 5 fen 'e BJijdschipsbetjoeginge. De earste stavering, dy't for it mien wol sa gaedlik wier, siet yn dit pak: Ho krietenze om zijn deaed, hier, en oon 't Engelsen Hof! Hoe nood woe men dij Prins en beste Keuning misse! Nou wier dij Lijnje wei, gien Zoon, gedagtenisse Nog neaet vin Zoks, wier meer vin hem; hij hie zijn Goed Bij Testemint vorzei, oon ien vin 't Duitsch Bloed; Jan Willim Friezo, nog vin Aode Jans Geslagte. En Hindrik de Kasmier zijn Zoon, ien dij hij agte, Dat wuddig wier, as Prins, en steun vor 't Laon te steaen. 'K Zil no net heger nei dy Jan zijn oofkomst geaen, Om kortheit: nee, mar zis, hoe 't Jan net lang mogt barre, Uis Prins ta wessen. Mar het woe dij man hem warre, Voor eed, en Pligt! het wier 't ien hoop dij ijn hem blonk! Dit wier dij Prins dij za bedroefd ijn 't Zas vordronk. Wa zoe uis Laon, za fel ijn rouwe no bestjoere? Hoe zeer dij Man zijn deaed it hat vin elk koe roere, En zijn Marijke, koe bedompelje yn 't vortriet, Uies Lieven Heer, het toond, dat Hij net ried'loos liet, Dij op hem hope, en ijn de nood hem ta hem keerde., Hij joeg uis wer ien Prins! wat blijdschjip, doe men 't heerde Vin vreugde zong men! en men tanke vor 't geschink, In Tjerken, en oer al. Dij jonge Prins, za 'k tink, Zil nog bij volle ijn 't Laon, al schreun steaen ijn 't Geheugen. Uis Vijfte Willims Heit, ien Prins, 't is zonder leugen, Vin za'n trog braaf besteaen, as men mar weinig sjogt. Dit koe 'k wol tone, mar dat wurk is omme nogt. It wierne feesten fen wonder en gewelt, dy't Fryslan do op tou sette. De steedhalder ried yn in koets mei seis hynzers troch Ljouwert en it wier allegearre Oranje hwet de klok sloech. De hirdsylpartij, dy't ta syn eare op 'e Alde Skou halden waerd, dêr't Jellema in plaet fen makke en earepeinjes op slein waerden, moat briljant west ha. Mar elts dy't hwet ynsjuch hie yn 'e dingen, seach wol det der oare. nije tiden op til wierne. De frijheidsstrnd fen Washington en Fraaldin makke sa'n yndruk. det de Fryske Steaten it earst fen alle provinsjes mei Amerika in traktaet oangiene. It boargergenoatskip „Door Vrijheid en IJver" to Ljouwert liet ta oantinken fen dit traktaet ek in earepeinje slaen. en de Frentsjerter studinten stieken in fjürwirk óf (1780). Patriotten as Valkenaer, Swildens en Simon Stijl stiene oan op folksüntjowing troch mear skoallen, better folkssang en dreger folksboeken. Op de stêdshuzen to Ljouwert en Boalsert waerden priiskampen halden yn it spinnen troch earae jonges en famkes, ünder tasicht fen it stêdsbiwald. Frentsjerter prefesters lyk as Loré, IJpey en van Swinden wierne gjin stive iisbergen mear fen geleardens. mar foarmen mannen üt it sljuchtwei folk ta kindige ynstrementmakkers. Ek like der sahwet to kommen as in foltsleger. It folts woe syn eigen saek towacht nimme. As poddestoelen skeaten boargersoasitijten en frijkorpsen üt 'e groun en Coert Lambertus van Beyma wist se te organisearjen ta in gewestlike foriening. om it wiere republikijnske regear op 'e grounslach fen e konstituesje fen dit lan to hanthavenjen. Dit patryotsjen wier net fen master Eelke syn gading. It hie mm tofolle Franske meneuvels. En do't mei de komst fen 'e Fransken somlike boeren greatsk waerden op de titel munisipeal en boerinnen op de namme munisipealske. alhowol hja dat wird hielendal net forstiene. hong it him de kiel üt. Det de alde. roune Fryske ienfald it ségat ütgie. moeide him. Om 1750 hinne wier it by de boerestan yn Fryslan noch gjin moade om mei foarken to iten. Leppel en mes wierne it tafelridskip. Stadichoan waerd dat allegearre oars. En dat mocht Eelke wol lije. mar syn sizzen wier: „Fryslan moat Fryslan bliuwe." Troch alle stoarmen hinne bleau er greate spitsen mei syn adellike Oranjefrjeonen. ek do't hja nei de greate revolüsje de wyk namen nei East-Fryslan. Wikenlang wier Eelkeboer do yn Leer en Loge by Jhr. van Haren en it scoe my gjin nij dwaen, eft hy hat do ek west by Albert ten Broecke Hoekstra, dy't om steat- kindige reden dêr as balling tahaldde. Hwent Eelke Meinderts stie bikend óm syn bitroudens mei de Fryske tael. En dat makke him ta in fraechbaek for ljue as ten Broecke Hoekstra. Wy witte bygelyks, det nots. Petrus Wierdsma, de Fryske Salomon, mear as ienris syn ljocht by him oanstiek. En dat woe hwet sizze. Hwent alhowol Wierdsma noch abbekaet, noch riedshear, noch prefester wier, hie er syn gelikens net yn 'e rjuchtspraktyk. Barthold Georg Niebuhr neamde him it orakel fen Fryslên (Nachgel. Schriften bl. 213). Salang alde rjuchten en priveleezjes krêft hiene, salang wier Wierdsma de üdizzer fen al dat alde. En sa hat hy for Fryslan dat monumint stifte, dat de namme draecht Oude Friesche Wetten en dat ta stan kaem, it earste stik yn 1783, it twadde stik yn 1788. Wierdsma seach wol yn, det for de kennisse fen it aldfrysk de yet libbene folkstael it heechste bilang hie. En om't Eelkeboer dêryn for master opsloech, waerd hy de fraechbaek fen de rjuchtslearde. Master Nicolaas Epkema to Wirdum, de heit fen de greate Gysbert-kenner, wier Wierdsma's hantlanger yn it öfskriuwen fen manuskripten. Op it Oranjedichtwirk liet Eelkeboer de ütjefte folgje fen it Hollanske dichtwirk yn twa dielen De Vernederde en Verhoogde Josef in zes boeken, Dokkum, 1778—79, en droech it op oan syn bern. Sa'n 15 jier forlyn bigoun er dêr al mei, it wirk laei faken moanncn en jierren stil. mar kaem neigeraden by stikken en brokken klear. Abraham de Aardsvader fen A. Hoogvliet naem er for it gedicht ta foarbyld. It einget mei dizze bea oan Christus: O ware Josef, hoogst Bekroondt, na 't zwaarste Lijden! Ai sla op mijnen held een gunstig oog, en geef Dat Josef door mijn Dicht in veler herten leevM En, laat mijn matte Geest in Uwe Zonnestralen Uitbaak'ren; door 't Gelove een ruimen adem halen! Ja voer mij, als de loop van U mij voorgestelt, Is uitgeloopen, eens in Kanaan, bij mijn' Heldt. Eelkeboer syn haedwirk bliuwt It libben fen Aagtjen IJsbrants of dy Frieske Boerinne. Ljouwert 1779; 2e printinge yn 1808. 3e yn 1827. 4e yn 1861 troch W. Dykstra mei in foarwird fen Tiede R Dykstra. Hy hearde nou ta de boerestan en opslach hat er mei dit boekje bisocht dizze pylder fen it Fryske foltslibben to sterkjen. Hy laei svn han op dy pylder en helde wol, det hja der net gever op waerd, mar bigoun troch to wetterjen fenwegen utwrydske ynfioeden. Dat woe er mei keare om oan de tsjinrampen fen in tsjoede tiid de holle biede to kinnen. Hy sei der seis fen: .myn boekje is byienblokke net om to laitsjen ef üt koartswyl, mar om de wrald kennen to learen ta syn betterskip. It is in sedespegel, dêr't men yn sjen kin. hwet to mispriizgjen is. hwet m wraldsk libben op it ein en op it deabed jowt." As it der yn foei by it folk. unthjitte er it libben fen Thys. Aagtje hjar man. dyt nei hjar dea mei de berntsjes sitten bleau. to biskriuwen. mar dat boekje is nea net yn it ljocht komd. Yn de Aagtjen IJsbrandts skildert Eelkeboer mei libbene kleuren de pronksucht. de skynhilligens en it bygelove fen de minsken om him hinne. En dat docht er mei hjar prate to litten. Syn kreft s.t yn 'e dialoog en dy is klearebare natuerlikens mei al de gemoedhkens en rügens. dy't dêroan forboun binne. Hwet moat men it libben kenne om in raren snapster lyk as Tryn Bont sa it wird here ta litten. Thys en Oege binne nei de merke. De thetsjettel hinget by Aagtjen oer. It snüfdoaske wirdt oanbean. Pytsjemoet en Smidske wirde forwachte. En den komt it praet op Hepke Fetsje, dy't to gastjen gie by de wever. Tryn wit det Fetsje der in stik spek brocht hie ünder 'e skeldoek. Aagtjen hat der ,n bu te fen to sizzen. En den komt it praet oer de thé en as Tryn h,ar kream iepen docht en de stalen sjen lit, rekket it los oer ondersten en jakken. De godstsjinst komt ek op 'e tafel. „Koarts" — seit Tryn Bont — „wier ik yn in Mennist hüs, dêr biet it iene fen 'e bern it oare, dat him net foegje woe, üt lilkens yn 'e earm. Tryn sei: „Dou lilke bok, moast dou sa oangean?" „Ja" — sei de boer — „dat moast er nei jimme gelove dwaen, hwent jimme sizze ommers, dat alles foarornearre is en den koe it ommers net foarby!" Tryn sei: „Ja, ik hjit oars al Griffemeard, mar dat kin ik net leauwe. „It is ek goed," andere de boer, „hwent dat is in godloaze stelling, hwent as dat sa is, dan is God de oarsaek fen it kwea. Tryn sei: „Ja yn dat stik haw ik it mei jimme." En den forhellet hja herders, det hja by in Griffemearde syn wiif yslike great is, dy scoe hjar wol in wike oanien de kost jaen. Hja gie de Sneins mei nei de tsjerke en üt de tsjerke nei dominy. En dêr bigoun hja sêft en krytrich oer it goede to praten: „Hwet haw ik it goed for myn gemoet hawn ünder dominy's tapassing. Hwet is dat preekjen. Hiene wy sa'n dominy!" Dominy frege: „Hwerom hawwe Jy safolle mei myn preekjen op en hwertroch binne Jy sa rekke?" Hja andere: „Omdet Jy sa wezentlik preekje en do't dominy oan 'e marktekens takaem, do wier it eft Jy üt myn herte sprieken, en do't Jy oantoande, det dyjinge, dy't se net bisit, yette ünbikeard en yn deselde steat as in heiden is, frjemdling fen it Forboun en sünder God, sünder hope, sünder biloften, det hja sa blinelings nei de hel giene, as God hjar net kaem to roppen mei ynwindich ljocht, dêr't Hy net ta forplicht is," do tocht ik, heden, hwet is dat preekjen." Dit hat Eelkeboer grif de foltsmüle allegearre öfharke. En den komt er op in oare tekst-: it bygelove. Wipkjen fortelt: „Der binne goede en kweade omrinders en skoaijers — ik hald der oars net fen — mar dêr wier in aerdich minske; ik leau eft hie dominy to uzes west, hja scoe him wol biantwirdzje kend ha, hja wist fen alles, hja hie ek boekjes to keap. Ien fen in dominy, dy't op de preekstoel stoarn wier, mei it bierkleed oan, hwent it wier him foarhinne toand, det er do stjerre scoe, dêrom hie er it oantein, en de kiste hie yn it fjouwerkant stien, dêr't se him, sa ier as de siken derüt wierne yn lein hiene, allyk as er bijearre hie! Hja hie ek lieteboekjes, ien fen in üntsachhk great sédier, en oar yette in münster twa; hja koe ek lok- sizze. üs faem en ik hawwe it dwaen litten. for in omstik iten woe se jimme sizze hwet jimme al yen libben bijegenje scoe. ik scoe wer in man hawwe en in bult kaptael ervje en dy faem scoe in widner mei ien bern, dy't er tige ynsiet, trouwe." Dweepkemoei andert: „Ja. jonges! Hwa wit hwet rare tiden der yette komme. Us jonges liezen okkerjouns dat liet' fen dy rare münsters, it die my oan} ik frees, det scil it bits jut te, jisterjoun wier ik büten to pisjen, dêr gülde in ding sa tsjoed. ik haw myn libben sa n lüd net heard. en der forskeat ek in stjer. ik waerd sa bang. it wier eft de klean my om e hüd baernden. ik beeldde my by it yn e hüs gean yn. det ik folk yn 'e loft seach en trije swiere suchten hearde. Men kin der wis fen wêze. dit is allegearre nei it libben biskreaun. Eelke Meinderts seach dit lek en brek fen syn folk yn e praktyk fen it deistich libben, yn hjar seden en plichten en godstsjinst en karde dit yn frjeonlike, koartswilige earnst öf, sei it raek,bwer it op oankomt. en dochs bleau er ien mei syn folk as m faderhk frieon. Der is yn dat jimmerwei gemoedlik trochpraten fen Aegtjen erTThys en Fetsje sa'n echtheid, det it her ütgiet boppe de kbcbten en fratsen, dêr't men jierrenlang it Frysk mei yn it leech ^Moai is yn haedstik IV en V de biskriuwing fen It Gastbód (= de aldfryske kreambisite) en Aegtsje ütein. Hja wol sa n gearsit oanrjuchtsje. Thys griist it oan fen wegen de kosten, hwent foar Earepeinje fen it hirddraven to Ljouwert. in goune ef trije, fjouwer hiette poffen, dêr bliuwt it net by, dêr heart in rinkelmantsje bést bier by en sflker en twa poun grauwe rezinen en in poun kofjebeannen en in poun klontsjes en in mingelen 2, 3 brandewyn. Mar Aegtsje lit hjar net oer staek sette en bigjint einlings to kriten: „Thys jowt net om hjar, folie en net genoch." Thys haldt him bidrukt stil en jowt einlings ta. It hüs wirdt üthimmele en de frouljue komme. De lange skoaten fen 'e bünte stritsene jakken hodderje en hja litte hjar sêft falie op 'e plümkjessens fen 'e greate knopkestoellen. It dürret al net lang, den komt de brandewyns-kop op 'e tafel en giet om en om mei seinewinsken for de kreamhear en 'e kreamfrou en 'e lytse poppe. Aegtsje hjar holle slacht hjar op 't lést as in klok, it teistert hjar foar eagen. Mar de frouljue formeitsje hjar allegearre ta de teannen üt fen 'e poffen en it bier en 'e brandewyn. Einlings sjaggelje se nei hüs en Aegtsje bisürret it gastböd mei in koarts dy't hjar de deastek jowt. Op hjar deabêd komt hja ta ynsicht, ho't hja de wrald tsjinne hat en syn bigearlikheden en it béste forsomme. Alde Mintsje, in fromme Kristinne, bisiket hjar nochris en seit it hjar yetteris oan hwer in earm sünder hinne moat om genede to hnen. De frjeondinnen fen alear, do't er wille to hnen wier by Aegtsje en pretten en setten, bleaunen nou wei. Binammen dit ein grypt de lêzer yn it moed. Eelkeboer jowt bliken in ldnstner to wêzen yn 'e dialoog, ek yn 'e foltshumor en yn frouljue's gritsen en grappen. De Aagtjen IJsbrants foun net de weardearringe dêr't hja oanspraek op hie. Dat laei binammen oan it flodderich habyt, dêr't de printer it yn stitsen hie. Pompier, letter, punktuaesje, formaet, wierne aldertreurichst. Dêr kaem noch by, it wirkje seach it ljocht oan 'e foarjoun fen 'e Revolüsje. En dy koers gie it net üt. Dochs is it trijeris oerprinte en yette sprekt it üs ta mei syn echte foltstypen lyk as Aagtjen en Tryn Bont. To Kollum yn 'e Waech hinge alear in printe blêdtsje yn lyst en glês fen dizze ynhald: Dij eerste Lev'ring Tjijs is oan dit Waaghoes brogt, Oan Ieske Djurris (dij Tjijskaepenschip hanteret) Trog Eelke Meinderts, dij ze Levere onforkogt, En net forkeapje zil, wer krigget nog foreret. Tinkt immen, das' ta bot, as 't gansch oan wigt bijdroeg. Ja, Alve hondert poon het hij der hinne rijden Min zegs-entweintig, az Jan Rienks ze tijge woeg. Wat deis it west is lest men onder oon, bijzijden. Dij 7 Juni 1779 Fenscls sok lytsgüd is al lang forgetten, mar salang as der in Fryske letterkinde is. scil Eelkeboer syn namme mei eare neamd wirde, allinne troch syn Aegtsje Ysbrants. de Fryske boerinne, mei proaza fen 'e ealste soarte en mei moaije toameltsjes ut it Fryske libben. sa klear en helder, det men it allegearre nei mear as in ieu noch mei wille lést. Wier de man syn tiid foarüt, en wist it greate tal him yn syn wearde net to achtsjen. der wierne dochs ek ünder e ienfüldigen. dy't fierder seagen. Sa moat er folie omgong hawn hawwe ma Hendrik Siccama. earst skoalmaster yn e TrynwSlden, letter boer Onder Aldwalde, in man hwaens oantinken noch lang foartdurre troch syn bütengewoane kcnnisse; sa wier er ek by baron fen Sytzema en Jhr. v. Haren as skriuwer yn oansjen. Der moat yette Ündersocht wirde eft er ek mei in oar skoalmaster yn 'e kinde wier, n.1. Marten Joukes. de gearstaller fen It Wouterswoudster Almenak 1784, ütjefte Joh. Seydel to Ljouwert Dit wier in simpele boeresoan. hwaens alden yn Wouterswald wennen, dy troch egen ündersiik, dêr't er syn nachtrest for opoffere, ta mear as gewoane letterkennisse kaem. dy sahwet nd us gissing 23 jier ald troude en do skoalmaster waerd to Burum. Twa jier skr*ch hat er dêr stien. Om 1789 teach er nei Driesum om dêr de skoalle to bitsjinjen. Hy haldde him ekstra en folie beuzich mei wis- en stjerrekinde. Yn 'e skoalle makke er altomets brükme fen 'e globe, forklearre by sinne- en moanneklipsen it ho dêrfen oan 'e skoalbern en wist foarüt to sizzen honear der wer ien komme moast. Sa liet master ek almenakken ütjaen. dy t er doopte nei syn berteplak. Hy naem 4 en 5 Febr 1797 mei oare Waldtsjers diel oan it Kollumer oproer, en dielde net in bytsje yn 'e gefolgen fen de ünbirette stap fen de Prinsmannen. Hy waerd yn hechtenis nommen. nei Ljouwert opbrocht en yn t blokhüs opsletten en kaem as lyk yn 'e Dokkumer walden wer. neit er op in dei twa nei, de trije jier straf, dy't er ündergean moast, üttsjinne hie. De kindige Master Jouke fen Driesum stoar yn it tichthüs, lyk as syn lotgeneat Jan Binnes fen Westergeast syn libben forlear ünder 'e guiljotine. Ik kin net neilitte yette in opmerklik ding op to ikkerjen, n.1. det üt Eelkeboer syn skaei in ieu neitiid twa leaten^ketten binne, dy't de pronk fen 'e Fryske lettertün forhege hawwe. Eelke syn broer wier Johannes Meinderts fen Beintemahüs, en dêr stamme fen öf Tryntsje Jans Beintema fen Westergeast, dy troude mei Jan Ribkes Kloosterman, de dichter fen Fryske Waldblomkes, Ljouwert, 1883; Finneblomkes, Bergum. 1907; Fryske Rymstikken] Grins, 1912 (berne 23 Febr. 1847 to Twizel, forstoarn 17 Febr. 1914). En syn dochter is Simke Kloosterman, de ^iuws^fen Ruth Liouw«*l 1910 en de Hoara's fen Hastings. Grins. 1921 it autochtone w«k. dêr't de krêften fen it natuerlibben en tradysjes autochtone ™rk' w d bistcl fen it Albistjür. det yn teldHSe"IZ^L * Walden, dêr't ienris Eelkeboer dichte, en der't yette Bomkleaster swijsum mids finnen en kaphout leit. In ieu LS. it selsume talint him üntjoech. dat in kinstwirk fen heech epysk proaza as de Hoara's skoep. Siuch: t H. «afcertsma P^^^ Meinderts yn De Vrne Fries,™,m-^Ofi\ 41; B( 50; M. D. Feenbeschr. van de gemeente Kollumeriand enz v»oo ^ , , {en A stra, Kronyk, 1, 49; T. R- /^Ue"d 18^1* N Biogrf Woordenb. Dl. 843. Ysbrants, 4e pr. fen W. Dykst;str ^anach fen 1784, yn Iduna, 1869 bl. 83H. v. d. Veen, De Wouterwoudster Al™™™™£^yn gj. én Rj. 1914, bl. 91- G. Postma, len en oar oer Jan R,*skes^'°°STlrm„w' {ers |jff S. Klooster?3Cl39:)P. Kalma üs; Fryske^-^^"rj^ffen Hastings, manê y" S^ïï™ 73^ deselde" Fen Fryslans fjilden, yn Leeuw Cour BlJfS r^Smk^tï'mlSS& Rynumkken. yn Sljucht en Rjucht, 1926.' DIRK LENIGE DE provinsiale bibleteek to Ljouwert is yn it bisit fen in hanskrift no. 978, ynhaldende de Hollanske en Fryske gedichten fen de Makkumer keapman Dirk Lenige. Syn libbensrin is gau forteld. Berne to Makkum 20 Aug. 1722, boaske er 7 Okt. 1753 oan Akke Rymersma, dy't him trije bern skonk: Kynke (Cynthia), Jetske en Piter. De 30e Des. 1791 krige er in biroerte, dy't syn foet en han krêftleas makke. Hy teakele do hird óf, sadet er nei in jiermannich kaem to forstjerren, yn elts gefal foar 1798. De eare en kroan fen syn libben wier syn aids te dochter Kynke, dy't de dichtkunst bioefene. goed tekenje koe en ek it hüshalden forstie. Der gyng in swird troch syn siele do't dizze blom, noch gjin 25 jier ald, him fintfoel. Hjar stjêrdei 3 Oktober (1780) bleau syn fêsteldei. „Den kaem" — skriuwt er — „drüf noch lammefleis oer myn tonge en mei in hanfol blommen teach ik nei it tsjerkhöf." It stekt net nau hofolle gedichten er makke hat op hjar dea en grêf. Twa jier nei hjar forstjerren joegen trije kinstfrjeonen, J. Backer to Harns, J. Jordens to Amsterdam en Jan de Jong to Enkhuzen hjar Mengeldichten üt. Lenige wier mei hert en siel Mennist, in godstsjinstich man, in goefrjeon fen 'e learaers J. Stijl en Matthias van Geuns, hwa't er in fers wijde, do't hja de earste preek diene yn 'e Makkumer formoanje. Do't syn bern dêr doopt waerden, wier him dat in saek fen it heechste bilang en makke er der in fers op. Utersten koed er net fele, op Kalvyn hied er it net bigrepen, de psalmen fen Datheen smakken him net. De greate tinsbylden fen syn godstsjinstich libben rounen yn haedsaek oer de skiif: God, deuchd, ünstjerlikheid. Op syn poëzije stiet it stimpel fen syn tiid. Hy sjongt fen Klarindes en Dorindes, Amerantes en Chloës. It wier do moade om inoar sokke ütwrydske nammen to jaen. Kynke bygelyks neamde hjar heit yn hjar ferzen Palemon. Hy hjar Chloë. Dat is de ynfloed fen it Itahaenske hardersdicht. Fierders bisjongt er it moaije fen 'e natuer, de opgeande sinne, de moarn mei syn Bodders yn 'e Fryske Striid 24 wite sé fen dauwe, it lineboskje der't er graech yn kuijeret. de himelbögen mei hjar stjerreljocht. Ek hat er de hüslike poëzije net forgetten. Der binne brulloftssangen op Jan Haersma en Bothea Kingma. Piter Lanting en Grytsje Andringa to Harns, Jan Jordens en Geertje Bolderingh. forjierttogsfersen op syn wiif en bern, treur- sangen op syn ljeave Kynke, inkele gedichten der't syn ljeafde for it heitelta üt sprekt, in pear psalmbirimingen en ek it koartswilige — oars scoe 't gjin Fries wêze — mankearret net. As wy de rekken opmeitsje kin mén net sizze, dat er in hege hecht hat. Hy heart ta de middelsoartige dichters, mar men mei him wol in plom op 'e hoed sette det er yn it jounskoft fen syn libben noch mei sa'n hertenocht de Fryske tael bioefene en syn djipste heling net sünder talint dêryn utere. Syn Fryske poëzije rint oer 'e jierren 1778—1792. En lit men nou ris neigean hwet, sünder v. d. Ploeg en Eelke Meinderts mei to rekkenjen, twisken 1755 — it jier, det Althuysen's Friesche Rymlery wraldkindich waerd — en 1800, oan Frysk wirk forskynde. Dat is in skynisje. Yn 1756 is der in houliksrym Op dy booskery hn Knillis Marten van Haersma en Wiskjen van Bouricius for dy Preekstoel west op Terbant dy 25 Jan. 1756, ünderteikene mei de letters JE. J. P. M. E. (Sjuch Carmina Collecta IX Prov. Bibl.) en yn 1766 fen Jan Ruurds in promoasjefers Oon uws Evert (Keyert) doa" hy mey ien onbeleefd moay wurkje uwr dy testemintin doctor waerd, efter de dissertaesje, Franeq. 1766. Fierders binne der fen prefester E. Wassenbergh to Frentsjer üt 'e jierren 1763—1766 saun gelegenheidsfersen dy't yn album, dissertaesje ef houliksbondel plak krige hawwe en letter forienige binne yn syn Taalk. Bijdragen, bl. 219—240. Einlings is der yette in Zaemenspraek fin ien Boer uit Menaldumadiel in ien Frentjer Borger op Tongersdeij dy sande Juli santien hondert seix in niugentig, dêr't men hjir it bigjin fen öfprinte sjucht, en dy't rint oer it patriotsjen to Frentsjer en „di ondogense Valckenaer." Mar dêr haldt it to'n neistenby ek mei op. Do't Wassenbergh den ek gewaer waerd, det Lenige safolle yn 't Frysk skreaun hie, makke er dêr daelk wirk fen en bea er de femylje yn 1798 oan om de neilitten Fryske gedichten üt to jaen; Dizze stjürden him forskate gedichten, mar de prefester hat it noait ta in ütjefte komme litten. It hanskrift rekke letter yn it bisit fen 'e femylje Kingma, en det it fortuten dien hat, kin men sjen yn üs Frysk Wirdbóek. Nimmen minder as Dr. Joost Hiddes Halbertsma hat syn Lexicon Frisicum forrike mei in wirdskat dy't er yn Lenige's gedichten foun. En b/k as men wit. is dit Lexicon wer in haedboarne wirden for it tsjinwirdige wirdboek. Nei myn bitinken hat it hanskrift langernóch yn 'e Kanselarije lein en moat de ynhald ünder e eagen komme fen mannichien dy't mear witte wol fen ZiEMENSPRiËK hwet er yn forline tiden FIN IEN dien is ta eare en bihald jy in» fen üs memmetael. It bi» ^ swier om it hele hanskrift _. „ «, nei de oarspronkelike tekst MEN AL DUM AD IEL ^ tQ jacn £ treddeciei: imiinFrintjir l°de stavering wykt sa B O R G E R her öf fen 'e tsjinwirdige Op TongtnUij *>ƒ<** Julijauim hmiiri det it soms kopbrekken jüx U nnntig. .s Qm der wiis üt to wil> ——~~W* ~~ ' " den; 2° it nimt to folie i °» Bvr*" * *" * * SUd- romte yn bislach; 33 it is BORGER* yn it Makkumer dialect H», goeje morgen Vrindl'»» vroeg il in de Stid? skreaun. Dêrom haw ik B ° B ** ^ * yn it tiidskrift Yn üs eigen ^MT^^^Fl-^ tacl 1915 dc bêste 9c' P»fm»an8iWbafMc«eJo»/.f«»uWe«SïMt opnommeni ^ b O R O R R- nwct trijc kwart fen it ^IT^™**"6"' geheel yn de stavering boer. fen dizze tiid, mei for- §m m tooi Bomme/»«&tm oaring fen 'e Makku- «W/ ^WV?5W3 *er tongslach. Dat léste hruSKl^i^lS^fcSWi'S moeide my wol. mar ik moast rekkening halde mei Titelblêd fen de Zamenspraek. ^ ^ taclmanQen scille mei gauwens it hanskrift wol bistudearje mei it each op de geaspraek fen Makkum. en dy forgelykje mei dy fen nou. k hie langlêsten in Makkumer skipper by my. dy't mei Frysk pielde en lies him in stikje foar üt Lenige s gedichten. Hy hearde do fen necht = nacht; mecht = macht; precht = pracht; holp = help; geWolt = gewelt; solms = sels; jowde = joech; loakje = lökje; tipst stinkt. Ik frege him: Prate se noch sa by jimme? Hy sei: Né. de jongerein net. mar de alde panwirkljue hawwe der wol hwet fen wei." Us taelmannen moatte den ek net lang wachtsje. Fiérders kinne hja den ündersiikje yn hoher Lenige Ünder yn- floed stiet fen Gysbert Japiks. Hwent det er dy lézen hat, miskien wol tweintich kear, stiet by my fêst. Krekt dyselde wirdforbiningen i alderswietste sükertüt, dröchsdrippearlen, slürksêft, knibbelrêste, wraldspylskodder, iik-ütskoerder, grientwiichdodder, balkebrekker, blomblier ensf. Hwet hat Lenige ek in wirden dy't men noait mear heart, bygelyks: hjitfolch = grime, strüsk zp. greatsk, twangje = pronkje, beskje = kleije, toalje = fortsjusterje fen 'e sinne ef moanne, hogge — boereknyft, hnnis = bürren ensf. Mar oer dy taelsaken scil ik net mear sizze. Wol eigenje hjar de fersen fen Lenige ta bistudearringe yn Fryske kriten. Dat kin oanlieding jaen ta learsum petear. Ik nim hjir oer: De Stoarm. Help God! hwer bergje ik my? ho nou de fij'nd to teammen? Ho loerk't en woelt en driicht en stekt de eange nead! In .yelik stoarmgewelt fiert kriich op lan en streammen, En jowt hjar team by team yn klauwen fen 'e dead. De ierd' wirdt skodde en balt, de fêste fêsten brekke: It tsjükste hüs stirt yn troch 's balkebrekkerswirk, De tongerkleat boarst los en wringt troch mürre en tekke, De reade bliksem strielt en fljucht troch 't leechste swirk De nacht forkelt de rêst yn pleats fen rêst to rieden, It wolkgejei oertsjucht, oerstouwt de sulvren moann', En keart de stjerrensgloar yn Himel ta to fieden, Hja fiere in legermacht mei skoersiik tosken oan. De öfgroun hym't en swit, de tsjustre leanen hülje, . De djip-delwoartle iik dy bibbert, bücht as 't reid, De boer forlit syn stjelp, mar hwer scil hy forskülje, Hy swymt, der him de dead as oan de teannen leit. Noch eangstiger toaniel der 't klaeine diken kealje Yn hjitfolch fen 'e sé oanbile en oanfleind, Trochbüke en ünderkrüpt dellüke en üntpealje, En lan en beest en folk de dolle stream oanskeint, Der 't stirt en stampt en skoert troch de ünbiteambre flieden, Dy üt hjar bêd opjeid de alopslinend' tüt Mei hüs en hóf en goed en djier en minske fiede, De ündiende himel dreunt fen it oan^raeide lüd — 't Groulüd des neadldoks swypt de skrik troch 't hier ta teannen, It hert knypt ta fen eangst, o faei! it wirdt iiskald, Ik sjen dyn wis bidjêr op leaden skoen oanmeannen, As 't ivich each net sjucht noch wekket ta bihald. Ho groulik hjir de wyn ek 't pikelskom mei fodzje, Noch heger is de drük dy 's sémans kyl omfet, Noch inger moat de treast op syn hert touterskodzje, 'k Forbyld my, as myn siel jamk tinsbyld makke het Fen 't silen op 't djip-grêf, ho d' omgefierde kolke, Oanstoke en köke as troch it fjür fen reazernij It hol-oerbolle skip opfierd wirdt oan 'e wolke. Sjuch hjir dy bodder, dy yn balkefinzers pij En pikbroek 't woelwyt skom moat öfkeare en öfbrekke, As ademleas trochwiet de wanhoop brekt hjar ban. Hy sjucht syn stalke oan, hy kin nin wird mear sprekke, Sjuch hjir oan 't trochrin-touw bistjêrt de klieme han. De moed fordrinst, de hoop lit net ien striel mear blinke, Nin trêd, nin foet, nin tomme is hjir de nead to üntgean, Rampsillige! my tinst ik sjuch dy kyl djip sinken, Ien neilbrek mar.... leit hjir de deadsmaer foar de tean. Der fljucht in stirting ta en kliuwt oer lippe en eagen, Dy koartsby gloarden troch it ütsjen nei dy stoun, As him syn twade siel seach fen 'e wetterweagen Untkomd en mei hjar team wirdt oan syn müle boun. Heleas! mar 'k kear wer ta myn dróve drükgeneaten, Hwet rie? hald moed, ik sjên Gods ginst bliuwt üs noch by, Hja slüt de wyn wer yn syn kerkers oan 'e keaten: De stoute sé bidaert en haldt wer ebbe en tij. Nou doar de ütlitne dy hjir as in djier forwylde, Mei knibbelbritsen geast wer krüpe ta dy God, Hwaems heech oansjên hy faek as dol fortrape en skylde, Nou wirdt syn stielen siel toraend yn 't süre lot. . Paei dan it tuchtrys fen 't meideagend sillich Wêzen, Miskien hat hja ta üs forbettring üs bifjucht. Dwaen wol, dan scil Gods han üs war je as ütgelêzen, Bistjür üs greate God op 't paed fen 't heilich rjucht. Sjuch: G. A. Wumkes, It Dichtwirk fen Dirk Lenige, Yn üs Eigen Tael, VII, 61—74; Deselde, Trije Fryske studinterimen, yn it Heitelin, 1926; Deselde, In Frysk pamflet üt de Revoluesjedagen, yn It Heitelan, 1921, bl. 100—102, EVERWINUS WASSENBERGH SAT Boalsert de earste Fryske taelrenalssance joech. sa Frentsjer dl ttadde. «ei Wassenbergh as tan b wier wirden mei üs letterklnde. in algemten swnen. Altamch in )okel lyts gerot. hea.de -en. {«^*~" ÏU£ ieu. De politike e„ „ekonomyske dtnde^woech s«K £ Ma. as i. Maeitiidsgrien hn» ""^''""e dochs ek in Frysk bloeiden, gie i. boaskjen ttoch. en d*h-£ ^octa ek__ ^ "ÏW ^efSXlde Bo"k £ aap Krelissen. mey Ybe. D^biea. r^**&. Boatte, spilje, nooit net kibje, joons let, moons ier, en oerdey, Dan rydde lang de droege wey, Ney Orre en Pake, Heit en harre; Mey hyngst en wein, of mey de karre. Wotte uit gaen, Ybel, zis het my, Dou biste fin zwier wurk dan vry, Ik zil za trouw by 't widstou blieuwe, Dat master Jan net kin beschrieuwe, 'k Haf vyftien toezend Goune Jield, En zeis pónmiete Koon op 't vield. 'k Haf Apels, Mispels, Kool en Parren, len Houdstek vol vin beste Sparren, Fin Ribben, Deelen, Planken, Lat, Ien Winkel vol fin Gien as Brat. Laeeve Fanke, lit dy zisse Wotte dan by Jaap net lisse? Vraegje Heit, of ik zilt dwaan, Zis ja, myn Bout, ik zil dy jaan Al het ien Fromminsk ooit bejert, Of het er tot het booskjen hert. It stilf1'is 14 blêdsiden great en ,,'t Vervolg op ien oor Jier" stiet dêründer, mar de Prov. Bibleteek hat dat yn syn samlingen „Losse stikjes uet Almanakken" net. Ek bleau it studintelibben fleurich, al kniepen Bonaparte's knüsten grousum, en as der in dissertaesje to fordiffendjerjen wier, den koe in stanfries as Elias Annes Borger fen 'e Jouwer (berne 26 Febr. 1784—12 Oct. 1820) net neilitte dêr in rymke by to meitsjen. En hwet floatich die er it by de promoasje fen syn greate stalke Beemd Freerk Tydeman (1809), as er master Gysbert opkomme en freegje lit: .... Het woeste jonge? Wer sjogste za benauwd dog fan? Ik zei: ik woe ien rymke sjonge, Ter aere fen uws Tydeman. In dat yn 't boere friesk? sei MSster. Wel heitel hesty wol betogt? Dy jonge dat is ien Prefester; Dat giet mar za net: Rjogt in Sljogt. En as noarman feart en poel tichtmitsele, den boun hiel Fryslan de redens ünder, en stie op it skerp. In great nasjonael feest wier it de 20e en 21e Jannewaerje 1809 to Ljouwert op 'e grêft, do't 64 jong fammen, allegearre üdêzen hirdrydsters hirdrieden om in gouden earizer en in string gitten kralen mei in gouden kroantsje. Houckje Gerrits fen Feanwalden woun de earste priis, Maike Mejes fen Heech de twadde, Richtsje Freerks fen Nes in earepriis. 'k Ried Hondert toesen di 't oonschouden, Der hoegt misschien nen Nultje wei Di 't oos net koe moest oeren Renne, En aede Lui mei Slyden henne, . Dit wie by elk zan grutten noft, Dat lit hem mei nen pen beschruwe, Di dat wat koe woe net tuis bliuwe, De spenwiel van ormem houd schoft. Sa rymle Johannes Rienks Ünder Hallum yn En Ves in het Boerevrys op het Reedryden van LXIV fammen (Leeuw. 1809) sa'n 90 rigels yn 't lang. Dat gie der ek om troch. En Apollyon, (Apoc. 9: 11), de ingel üt 'e öfgroun, dêr't de Friezen Napoleon mei forliken (Sjuch in fers yn Suringar's almenak fen 1829), koe allikemin de heitelanske ljeafde ütdompe. De 12e lannewaerje 1807 STTfieL Nauta fen lens op bisiik to Wommels by de aldgie as. e«uw grytman fen Hinnaerder- diel. Jhr. I. Aebinga ten Humalda. de lettere gouverneur (1813-1826) en droech der in ienfaldige, hertlike nijjierswinsk yn 'e Fryske sprake foar (sjuch myn opstel yn De Holder, 1926. bis. 43-45). Mar dat wierne allegearre lytse ferskes. Dêr moast komme in sterke eskenbeam. dêr dat lytse him allegearre oan fêstklampe koe, in man mei in here sköging, in opheder en oantruner. En dat waerd Wassenbergh (berne 25Septimber 1742). Ja. hy bigoun ek heel yn it lyts. Hy kaem ommers üt in plat boeredoarpke, it lytse Lekkum. Atr't svn heit dominy wier (1W-.77» AUe dageasuek . foe,paed «os. da, «och koe ca de bochte. Do't rektor H. J. Arntzenius LatVnsk ferske, hegeskoalle. bisong de studint it foetpaed yn m La£n^ dêr't syn ljeafde for e Fryske groun »^'™\\Jzkast fen stie de Fryske Rymlerije fen "ast« Gysbert yn syn heit en krige er dêr de smaek ut ^^^^ Jdêr„ L in rymke meisje. Binammen ^ J^f^t aZ mferske ef mei (1761-67). As in goefpeon hun frege o» ^ as in jong pear hin. op e noemen ^ wachte. soarge er, det it frys* wier p0mpierke. ^ fcaebyld. Yn «. Sf^r ffl - de dêr't syn heit op skreau: „Dit pakkorije wj heer E. Wassenbergh, Litt. Studiosus ten huize van Ietse Sjoerds Twijnsma, mr. metselaar in de Kerkstraat te Franeker. Alles hier wel, de tijd van schrijven ontbreekt; bij gelegentheid wat meer letteren. Vale." En op de efterkant skreau Evert it 12-rigelich Frysk albumferske for syn frjeon Daniël Jos. Slotboo, dat men hne kin yn syn Taalkundige Bijdragen, II, 221. Syn boerske boasklietkes foelen der tige yn. Haest in minskelibben letter hildige Paulus Scheltema him yette dêrfor: OAN EVERT WASSENBERGH. „Goedei! dü alde, skiere bolle! Dy't for Gryk en Romer neame wykt, For dy, o heechgelearde holle, Is't det lyts en great it topseil strykt. „Rymkes kin ik net meitsje, Faer! dat diest' al foar great sekstich jier, do't wy to brilloft wierne by Tjeard Sydses, o hwet wier it in nocht, en sont haste mei dyn Fryske tongfal en hündert oare dingen en rymkes (hwerfen it Boasklietsje op Tjeard en Aeltsje my yette yn 'e holle leit) sa hird en lüd omboarte, det Gysbert Japiks wer libben wirdt." In oar biwiis, ho dit jeugdwirk de ljue nolke is in skriuwen fen de Ljouwter ütjower A. Jeltema, dy stjürde Wassenbergh as prefester geregeldwei de Gelderske en Haerlemske krante en ienris, 22 Maert 1787, noege er him üt ta in bisiik. „Ik haw Jo — skreau er — by myn witten nea net sjoen, mar ik haw in great tinkbyld fen Jins persoan, as wier it allinnich mar om it geastich dichtstik op it boask fen Tsjeard Sydses. Ik haw, neffens myn lekeforstan, nintertiid sahwet moais yn it boersk sjoen. Sont mear as 25 jier haw ik ft yn 'e holle en as ik yn it selskip fen boeren bin. kin ik it mei sa'n swier opsizze, det hjar de hibe fen nochlikheid by de piip delrint." De Fryske studinten to Frentsjer plichten do de memmesprake yn eare to halden. Foar my leit in skriuwen fen 'e Nijmeger rektor Schonck oan Wassenbergh: „Ik tankje Jo for it frjeonlik presint fen Jins Taalkundige Bijdragen, dy't ik mei formeits hes. Rjue sizwizen, dyr't dêryn foarkömme röpen it neitinken yn my wekker oan it noflik forkear mei de Friezen, lyk as kei, harden en oare dy't Conradi én Ruardi yn hjar koartswilich petear brükten" (9 Nov 1802). / ,. ™ iya al to rom yn 'e Lekkumer pastedjta|ettel, sadet der ^ 'X „tr » dl todlge arudln. yn ay. oplied,„9 SÜ.t = = p ^en pom- p.er. mar der moast trije «Oren ^ ^ wfer na skmm^ock. Oan^nock. _ ^ „ank de studie ne . Yn e ^ < Jêt d, om yetris fen- stilde j.er krige e, a, de to orohtearjen, mar yn i^esimuci. heechH * ~~ ValrWpnaer svn foarspraek — as neei.u rr°o «mr o,°^.rienW -i»-"-*? learaer to uinuer . jet cr drvksk Men hoecht net to freegjen ho n baes er wie. Trije jier hat er yn e stêd fen Joast Middes en lyk as it oeral giet. hwer t Friezen om uten wen,e •i • „, ™ Hv haldde dêr gemienskip mei reiaor j. f siikje inoar op. Hy na»Qae y dêf oa^eitsing mei in en mei konrektor J. Rua di. Ek krige er erncur fen jongmaetsje. Jr. Aebinga fen Humalda d ettere g T7 ï- MR14—261 de Frysksinnige edelman en areyc y Fryslan (18H-/ö). oe r y « ynhaldende in lokwinsk Japiks-kenner. Yn in brief ]oan doa • Y antinkcns mCi it birop nei Dimter(Iuh 1821) *k« ^ fen e Dimter jierren yetns op en prfzge er Wassenbergh. Terpstra en ^^^^ (.771) en syn syn earste learlmgen oan e f ren ts,e « oankomd. swide Gysbert-ljeaWe is him ^ ^ (1771) De bineaming ta heechlearaer yn , ^ foc, wier Wassenbergh tige wolkom. Hy hie it^ner o y p^e. Fier fen alle P-^^Ser krong yn'e efter-öf moast er him ,aen oan master Gysbert problemen fen e Homerus- en Plutarc£ J^^ttJnge laei him djipper. Hy mi,de de kllPPenJn fa klassiken nCi fakstüdzje. Dêr rounen hun gouden triedden ten de Gysbert-poëzije. Hy wier in foarrinner fen Matthijs de Vries, dy't yn Leiden de sprake fen Hooft, Vondel en Huygens forlike mei Tacitus en Cicero en dy't yn 'e Hollanske Renaissance de ivige libbenskrêft fen 'e klassike kultuer neispeurde. Sa is it forklearber, det de Grykske kolleezjes yn Frentsjer in füleindigen opgong makken en do't dêr yette in privatissimum for Frysk by kaem, wier de jongerein üt 'e skroeven. Hwa tinkt hjir net oan Guido Gezelle en it Flaemsk, oan it. seminaerje fen Rousselaere? It kuratorium wier sa wüs mei de jonge prefester, det er daelk opslach krige fen traktemint, üt soarch, det men him mei gauwens oan in oare akadeemje öfstean moatte scoe. Op it kolleezje yn Frysk waerd fensels master Gysbert bihanle. Wol men it biwiis? Niisneamde rektor Schonck to Nijmegen skreau 11 Juli 1793 ü. o. it neifolgjende oan syn learmaster: „Gysbert Japiks leit my, alhowol gjin Fries wêzend, yette sa nei oan it hert en it moeit my mar, det ik fen jins lessen yn de ütlizkinde fen dy folksdichter net mear profyt hawn ha." En den jowt er bliken ho flitich er noch lést yn Gysbert en det er oerienkomst sjucht twisken Gysberts Kipedo rjeauwe bjuester en De Caeliae furto yn H. Angeriani Erotopaignooi, pag. 9, en den wol er mear witte fen 'e Gysbert-edysje, dy't yn 1684 by Lenert Strick yn Frentsjer ütkaem. It brief is ünderteikene yn it Frysk: „Ik bin in blieuw, greate Stalcke jou oerboadigste Tsjinner E. J. B. Schonck." En wol men yette in biwiis? Den slaen ik it Friesch Jierboeckje op fen 1831, dêr't Wassenbergh's kindichste learling E. Epkema, yn syn fers An mine Landnaten master Gysbert forhearliket mei dizze wirden yn 'e alde Stêdsfryske tonge: 't Was ruum f ij f tig jeer for dessen, (O hit hoeget m' als hioed-dei!) Dat mijn Fader to mi sei: „Jonge, deer 's en boek to lessen. 't Schil dy digerlike flye; 't Is en gaestig liede-boek Fan en man so wijs so kloek, — Gysbert Japix Rijmlerye!" Ieta meer wold' de alde spreka, Mer ik hippelde op en wei, En nom 't golden boke mei, En leet heite allenne preka. Mer do ik bigan to lessan, So goed so ik destijds mocht, O hot hadde ik do ful nocht! Nimmen kude blider wessan. 'k Lies fan 't eene to 't oder ende, Den dit lied, den weder 't oor, Hot so mer mijn les-lust koor; •t Een ner 't oor ne mocht her wende. Immer bleef mi Gysbert nogen, 't Eene jeer foor, 't ora nei, Do mijn Fader endlik sei: „Boeke, 't mot op ora bogen 1 „Du bist rijp for heger schole, 'i Kosta, hot it kostia ko, Du most hast nei Fraenker to; Deer is wijsdoms skat forholen. „Deer is Wassenbergh, der lika Astu, Gysbert-om hat liauw; Dit schil dy to wera gauw Wt syn omgong better blika. „Hi 't astu fan Freeska konne, Ën it Freeske jelders tein" — Dit heite, en onforlein Was to hand mijn loks-treed spanne 'k Leerde Wassenbergh drade achtia Immer heerde ik nei sijn wird; Nimmer foei mi 't leeren hird: En — hot mochte ik ieta wachtia! — Een fol jeer (elk mei 't wol wita: O ho herde was ik blijd, En ho kirt foei mi da tijd!) Mochte ik an sijn tafel ita. Als de disk den of waerd ditsen, Nom himi soms aek wol mei Up syn keamer, en de dei Was mit praten korts forstritsen. In it Greeksk mas hi mijn meester, Mer in 't Freesk stoede ik mijn man, Deer wiste ik rijf hette fan: Dus leerde ik, dus aek Profester. Beda deelden w' ekum mede Hot ws up it herte lag; En so ron er manig dag Foor ws t' eine, wol to frede. Mochte ik, Friond, Io ieta tankial Io ieta eens mit agen sian! — Fruchtleas! wach hier is 't nu dan! Neimels schillat wi het bankia Diorbre Schime! nim to goede * Hot mijn mond nu to Io sprekt, Deer mijn hert so sterk nei trekt, Stand mi bi mit hill'ge hoede! — Mer — 'k wil to mi selven keere: Ieta en wird twa to bislwt: 't Jene up 't hert leit wil er wt: Deermei schil ik swigian leere. — 'k Lies den Gysbert lang forhenne In mijn alders hws al-eer, An Profesters sida meer, Dech da maste tijd allenne. Dêr sprekt üt dit fers earbied, frjeonskip, ljeafde fen 'e learling for 'e master. Is it net wer in forhalding as twisken Gysbert en Gabbema? En hat dizze. wer ek gjin swide frucht for it alde Fryske honk opsmiten? Wassenbergh hat skoalle makke for 'e heitelanske eigenheden. Dat bliuwt syn ivige fortsjinste. Hy seach, allyk de greate foargongers yn 'e 17e ieu, det de wirdichheid fen in tael net mar rêst op boaskrymkes en promoasjefersen, mar op it plak, dat dy tael ynnimt yn it hele maetskiplike en kulturéle libben, net it minst yn 'e taelwittenskip. Dêrom bihelle er it Frysk yn 'e ring fen 'e hlology. De ynset fen syn publikaesjes wier syn Verhandeling over de eigennamen der Friesen, met zes bijlagen daartoe betrekkelijk, en eene toelage van Friesche spreekwoorden, Franeker, 1774. Dit boek is letter yn haedsaek opnomd en formeardere yn de Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen tongval, I stuk, Leeuwarden 1802; II stuk, Franeker 1806. Oan e earste publikaesje hie de skriuwer syn namme net forboun, oan 'e oarde wol. Mar men hie it al gau yn 'e gaten, det it syn wirk wier. Ien fen 'e Fryske skiedkenners üt dy tiid moast it opslach witte. Hy skreau rekke '7^";^™^™» HM • Marius fen Burmania (T iy lun u'y'' L)wrnbe,gh üntstryd. yn ,y» han oer han of. (bjucri ay sy verhevene deel der Neder- yn Aenleiding tot de kenmsse - hc ^^^n % duitsche sprake. ^^^^ foroare lyk as alle spraken, „yn it fornn fen e tiid is ™ wirden en hja is yette mar hja is der liniger en biskaefder_op fc springlibben. It is en bliuwt in rike tael en ta i Le'kate listen fen Fryske eigennamme- 1 «Ub ^ 2° üt Leibnitz Collectanea etymologica ( 717 nette P' Hundius. 3° üt de Gabbema codex dy M - L F. ™ k stêdsskriuwer to■ &» ^ ~ £££L en 4° üt de It tinkbyld fen in ^^TTV^t^l to Leiden. crescunt. . _ nelearde bioefening fen Dizze maetskippij fette letterkinde op as gele»»r >e •e tael en stelde taelkindige en gram* *gemien foargroun. Yn - » ^taeTek yn hja! pro- omskriuwend wirdboek ten e incu vinsiale uteringen. d Maetskippij. ta Wassenbergh rekkene « ^J^ Qan to dragCn: A. R. plicht boustoffen for dit greate Wi ^ ^ Kool die it for Noard^H°llan*/'irj;ian en hy woe ek meiAnthonius Cornelis de Malnoe foi•■ W** e" ^ fen Beieren, owaen. Hy riste bütenlanske groun. Sa Oberpaltz. York en Norfolk en stiek de lodde^ yn 9 dolde er om ende by s*shtod?rt e gewoane den op. -i"^ omgongstael. dy't en yn forban brocht Idiodcon krige in plak yn syn Taalkundige Bijdragen, Leeuw. 1802. De ütkomsten fen syn Gysbertstüdzjes lei Wassenbergh del yn e wichtige publikaesje. tytle: Specimen philologiae patria de vita, moribus et carminibus clarrissimi poëtae Frisii Giseberti Jacobi et ejusdem carmina cum poetis antiquis Graecis ac Romanis quos imitando expressit conferuntur. Eftetyn stiene toalf stellings op it gebiet fen 'e taelkinde dy t ien fen syn knapste learlingen Gerard Benthem Reddingius, letter dominy yn Minnertsgea. op 14 Juni 1793 fordigene. Net sünder opset sin waeit yn dit boek de flagge fen it Frysk-nasjonale breed üt. Dit stie yn forban mei de tastan fen 'e akadeemje. It sein stie op ünfeilich. In tyrannyk famyljeregear like blyn to wêzen for de demokratyske geast dy't oeral oplöge. Prefester Joh. Valckenaer hie Frentsjer makke ta in bolwirk fen patriottisme. De Fryske Steaten woene der in ein oan meitsje en joegen him en de prefesters Manger. Coopmans en van Kooten dien (1787). Dit wier fen dizze gefolgen. det 24 studinten hjar skrasse lieten as akadeemjeboarger. In part fen 'e foarneamste Frentsjerters moasten de wyk nimme nei St. Omer. De skutterij waerd üntboun, de doar fen 'e poarten weinomd. De hegeskoalle rekke yn forfal. Gjin fyftich studinten. bleaune oer. Yme Freerks Tichelaer üt Makkum, keraterdeputearde kearde noch de deastek (1797). Yn dy kritike tiid foei Wassenbergh syn Specimen literaturae Frisiacae en trape hy moedich it fjild yn fen de philologia Frisiaca. Hy gyng nei yn hoher de dichters fen 'e Grykske en Romeinske aldheid ynfloed hawn hiene op de „carmina clarissimi poëtae Frisii Giseberti Jacobi." Men kin dit gnyskjend greatsprekkerij neame, nei üs bitinken is dit djippe oertsjüging en der scoe krap-oan in ieu forrinne moatte foar en alear it Frysk wer sa'n hichte krige oan 'e hegeskoalle. Meidet it Specimen yn it Latyn skreaun wier en inkeld biwittenskippe ljue yn 'e hannen kaem. brocht Wassenbergh de ynhald yn it Hollansk oer, wittende det mank de Fryske boargerij genöch wierne, dy't de Boalserter master wisten to weardearjen. Sa kaem de earste Gysbert-biografy ta stan, dy't ek wer plak krige yn de Taalkundige Bijdragen, dl. I. bl. 173-193. Earst wier Wassenbergh fen bitinken, det Gysbert gjin klassike talen koe, mar dy 25 Bodders yn 'e Fryske Striid syn brieveforkear mei Gabbema brocht him ta in oar ynsjuch, en bygefolch ta it ündersiik yn hoher de Boalserter master de dope fen 'e klassiken ündergien hie. Hy bifoun, det bygelyks Gysbert syn Minnesang in neifolging wier fen Catullus, syn Minnefjuechtspil in oersetting fen Anakreon's 14e liersang en det alderlei fersrigels neiklanken wierne fen strofen üt de Metamorphoses fen Ovidius en üt 'e hikeldichten fen Juvenalis. Ien fen syn ljeavlingswinsken wier in nije Gysbert-edysje mei sa folslein müglik suvere tekst en kommentaer. Ho't er de biwirking fen ien en oar him yntocht, liet er sjen yn 'e ütjefte fen Nijsgierige Jolle in Haitse Yem (Taalk. Bijdr. II, 1—53). Op eltse blêdside joech er fen it gedicht in rigelmennich tekst en dêr sa'n 30 rigels noaten ünder, dy't yngeande stüdzje en kennisse iepenbierje. De ütkomsten fen 'e Wassenberghskoalle for de Boalserter master-sjonger binne fêstlein yn it wirk fen Epco Epkema, de skoalmasterssoan üt Wirdum (13 Oct. 1759—1 Febr. 1832), de lettere biwirker fen Thet Fryske Riim (1835), dêr't men syn libbensskets hne kin. Syn broer F. Epkema, skoalmaster yn Swichum, hie al yh 1797 op it foetspoar fen de Frentsjerter heechlearaer in Naamlijst van een groot getal eigennamen der Friezen ütjown mei master D. W. Hellema to Wirdum. Hja hiene ek in greate samling Fryske oarkinden en in Gysbert-edysje fen Haringhouck (1668), sa't wy witte üt in brief fen Wassenbergh oan A. ten Broecke Hoekstra (29 Oct. 1811). Epco rekke yn 1781 to Frentsjer op kolleezje by Wassenbergh en waerd syn meast biminde learling. De Gysbert-ütjefte yn 1821, mei grammatica en wirdboek (1824) is de kroan op in jierrenlang bodzjen. Ds. Eeuwe Nauta to lens, Jhr. Aebinga fen Humalda, de alde prefester en Epkema's learling Jacob van Leeuwen, archivaris fen Fryslan (1840—57) hawwe tige hjar meiwirking dêroan jown. Yn 'e foetprinten fen Hilarides sloech Wassenbergh ek de seine op it mêd fen 'e Fryske dialektkindt. Sicco Abbring, dominy to Frentsjer, alear to Molkwar, joech him in oersetting fen Mattheus VI yn 'e geaspraek fen dat doarp. Oersetters wierne ds. Christianus Henricus Braunius to Frouburren (1752—1803) en ds. Arnoldus Braunius to Molkwar (1735—51). Hja hiene dat klear krige mei bihelp fen 'e aldste Molkwarsters en bysitter Douwe Fekkes Rinia as kompetint taelrjuchter. Bysittet levere yn deselde geasprake in fortaling fen Vrijmoedigheid van een Huisman, uit Zacharias Heins syn Voorbeelden der Oude Wijzen (Amst. 1664) en yn it Nederlansk biwirke troch de Theol. cand. Johannes Duikerius (1724). Master Gysbert hie ek kinde oan dit boek en naem der syn Muuzeboask üt oer. Dizze priuwkes fen dialekt founen in plak yn de Taalkundige Bijdragen. Ek hat de prefester him üntferme oer de alde Fryske foltsboekjes. Hy liet yn 'e Ljouwter krante fen 19 Maeije 1820 in oprop sette om opklearringe fen inkele tsjustere sizwizen yn Waatze Gribberts Brilloft. De oprop bleau net ünbiandere. Prefester krige frijhwet brieven op syn atfortinsje, hwet him yette mear ta de ütjefte oantrune (1820). Hy wier fen doel yette folie mear Frysk wirk iepenbier to meitsjen. Yn it laed fen syn skriuwtafel hawwe toalf preken persré lein, dy't Paulus Scheltema forfryske hie. Piter Wigery, dominy yn Dongjum (1735-37). Ysbrechtum (1737-41) en Easthim (1741. 99) hie tige mei dy preken op en rikkemedearre se Scheltema oan. For ljeafhawwerij, sünder der foardiel mei to biëagjen, sette er se oer, ienichsints frij en 20 jan. 1825 gie it manuskript nei Frentsjer, mei it forsiik it oer fjirtsjin dagen werom to stjürep, mar ta in ütjefte is it net kommen. It béste dat Wassenbergh oan Fryslan joech, wier it leauwe yn 'e takomst fen it Frysk. En dat leauwe wekke nij libben. Troch him wier it, det de wittenskiplike wrald fen syn dagen twongen waerd oandacht to jaen oan 'e tael fen it ald skiër lan. Troch him rekke prefester Meinard Tideman (neffens in brief fen 28 Febr. 1804), dy't rektor yn Ljouwert wier, oan 'e lektuer fen foltsboekjes as Waatz# Gribbert, it Jongelieuw Boosk en de Tankbre Boerezoon. Troch him krige Jacobus Scheltema mear ljeafde for de Fryske eigenheden. Yn 'e winter fen 1801 fandele dizze boustoffen for in Frysk wirdboek gear üt Gysbert en Althuyzen. Hy foun yn 'e Kamper archiven it earste biografyske materiael fen Reynerus Bogerman en dizze witnis gyng allegearre nei Wassenbergh. Yn oerliz mei de prefester stelde er prikken yn it wirk by riedpensionaris Schimmelpennick om öfskrift to krijen fen de Juniana to Oxford en socht Lord Liston, de Ingelske minister, dy't danich op 'e hichte wier mei it Angelsaksysk for it plan to winnen. Do't dit misroun, hammere er lykwols yetris op itselde ambyld en woe er it bisiikje by de bisskop fen Oxford, dy't kanselier fen 'e akadeemje wier. Neffens syn bitinken scoe de publikaesje fen dy stikken swide fortuten dwaen. „Hwa wit" — skreau er oan Wassenbergh — hwet Jy en H. W. C. Visser en Andreae en oare jonge Frisiasten der net üthellen. It is krekt in saekje for de Frentsjerter „Jeunesse dorée." It brieveforkear roun herders oer de kwesje yn hoher de biwenners fen it eilan Skoklan Friezen wierne, en hokker ynhoed Gysbert ündergien hie fen Huygens, Cats en Camphuysen. Hja wiizgen üt, det forskate rigels fen de Egge en Wyncring üt de Galathéa wierne en det de moaije passage „Godsfrjeon as foarst mei foet- en hynstefolk" wer to Hnen is yn it Buitenleven. Scheltema wier min to sprekken oer 'e Hollanske skiedskriuwerij. De bitsjutting fen 'e oare provinsjes waerd him to folie fortsjusteremoanne. Dêrom joech er syn Mengelwerk (1817—36) üt en frege er meiwirking fen de Wassenberghers. Sa rekke de tekst fen de Achlumer Tescklaw yn it tiidskrift. Ds. Rinse Posthumus fen Waeksens skreau oan 'e prefester: „It moeit my, det yn 'e Tescklaw sa'n Haters steane, mar my fait de algemienens en de oerienkomst op fen 'e rjuchten en kostumen dy't by it koalsiedterskjen yn swang wierne en noch sa yn swang binne, det men der opslach dy alde wet yn werfynt. En dat is net allinnich sa yn Frentsjerdiel, mar ek yn Barradiel en hjir by uzes yn Waeksens. As men hwet mear wist fen 'e tiid en wize, det de koalsiedbou hjir yn Fryslan ynherd is, scoe lans dy wei in hopen forklearre wirde kinne." Hwet wier de ald prefester bliid mei it terskliedtsje, dat Paulus Scheltema him stjürde en dat yn Doaijum en omkriten op 'e miette fen it terskjen songen waerd: Dat kleist, dat kleast, 't Giet joun to geast Op tsiis en brea Mei 't heele gea. As wy hondert krije Wy schallet net swije. Dan jowt de frou Us spek en strou Goê bier der by Dan binn' wy blij. Ds. J. H. Halbertsma skreau oan Wassenbergh yn dit stik fen saken: „Hwet de Tescklaw oanbilanget bin ik einlings efter 'e wierheid komd. Prefester ten Broecke Hoekstra hat my in öfskrift bisoarge, dat alle bliken fen echtheid yn 'e tael draecht. It is my düdlik, det Scheltema syn founs echt is, mar opsnolke mei ünderskate taheakken, dy't yn 'e ófskriften nei de lüm fen Paulus öfwikselen." Oan Wassenbergh komt de eare ta it earste bistek makke to hawwen fen in foriening for de Fryske foltseigenheden. De 7e Juni 1790, do't er for de twadde reis as rektor magniflkus öfgie, haldde er in rede De bonarum hodie literarum et eruditionis in Belgio commodis et incommodis, eaque vel amplihcandi vel tollendi modis. Do't er de bitekenis fen 'e learde genoatskippen yn it ljocht stelde, klagé er det Fryslan dy net hie. Och mocht ik — sei er — sa'n krêft fen wolsprekkendheid hawwe, det ik myn meiboargers biwege koe om dy smaed wei to nimmen. Litte hja hjar forienigje ta in selskip, dat yn 'e earste pleats de oarsprongen, de tael, de aldheden, de skiednis en de wetten fen Fryslan Ündersiket en lit it by de kar fen hjar leden alle ljue ütnoegje, dy't dêr oanspraek op meitsje troch in ynlike ljeafde ta de wittenskippen en troch hjar wittenskip." Mar it wier do noch net de tiid om sa'n selskip op to rjuchtsjen. Alles siet yn it leech troch de Ünhiermlike poletike en ekonomyske tastan. Mar letter founen de wirden fen de do forstoarne heechlearaer wearklank by syn learlingen en geastessibben. En sa stiften de Wassenberghers 27 Septimber 1827 to Frentsjer it Provinciaal Genootschap ter beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde. It wierne syn discipels en frjeonen. dy't de skouders setten ünder dizze skoandere ünder- nimming. lmjj w Ek wier 7 Juli 1823 for hjarren in gloarjedei. Do haldden hja langeanne to Boalsert by it üntbleatsjen fen 'e moarmeren Gysbertkop Wis, it gie om master Gysbert, mar ek om master Wassenbergh. Joast Hiddes hat in oanteikening neilitten, det er him forwündere oer 'e earbied. dy't men fen alle kanten oan e alde prefester biwiisde. Hwet moat it ek in heechtiid for dizze foarstrider west ha. Ienris hie er likernöch allinnich stien ünder it Fryske findel en mannich reis like it eft de Fryske skriftekennisse. dêr't er syn libben oan wije woe, forstjerre scoe. Yn e dagen fen Bonaparte moat er faek sein ha: It is allegearre omdöch. de geastlike krêft fen it Fryske folk is op it deapunt rekke. En nou sieten der yn 'e St. Martenstsjerke gans learlingen en geastessibben om him hinne. allegearre ré om it Frysk-eigene to stypjen en to sterkjen. It rymstik dat er op dat feest foardroech hie g in dichterlike wearde, mar it lei tsjügenis öf fen 'e greate lenfald. dy't him altyd eigen west hie. Hy wier yn Boalsert net de aldprefester. mar de Lekkumer jongfeint, dy't lyk as yn syn studintejierren Fryske rymstikjes foardroech op in boerebrilloft. En sa BOARSTBYLD FEN GYSBERT JAPIKS YN DE ST. MARTENSTSTERKE TO BOALSERT sei er den yn dat hege selskip fen Fryske edelljue en reginten dizze rigels: Op Evert! op! oan 't wirk! Dyn tonge Al is dy straem, al is dy ald, Moat Gysbert Japiks eare opsjonge, En üttrompetsje troch de wrald. Hy wier 't dy yn dyn griene jierren Dy himelswiet to priuwen die, En nou bisnijd mei grize hierren, Giet hy by dy fier boppe oare ljue. It docht us gjin nij, det dizze Fries, dy't de Gysbertspreuk „Sljucht en rjucht" ta paroal hie, it sa ornearre det deselde groun, dy't syn widze droech, ek syn stohik oerskot dekke scoe en dêr't it bigjin wier fen syn libbensrin ek de einpeal stean scoe. Do't er üt 'e tiid wier. brocht men him yn Lekkum, syn berteplak, to hóf, sünder pracht en preal. Koart foar syn dea hie er syn eigen grêfskrift opmakke, dêr't syn ljeafde üt sprekt for syn oare helte Maria Ratelband en syn iennige dochter Claressa Maria, dy't foar him forreizgen. It grêfskrift is: Clauditur hoe mecum conjux dulcissima saxo Optimaque ante suum filia rapta'diem. His nihil in vita fuerat mihi carius olim; His tumulo jungi nunc quoque dulce mihi est. Dit wol sizze: Under dizze stien leit mei my. bisletten myn ljeafste frou en myn béste dochter, dy't foar hjar dei forstoar. Neat wier alear my yn it libben sa djür as dizze beide en nou is it my ek swiet yn it grêf forienige to wêzen. Fryslan die yn Wassenbergh in stap foarüt. Syn libbensskiednis is mear as de stoarje fen in man. It is de skiednis fen in nij tiidrek yn 'e heitelanske striid. Syn namme en syn wirk bliuwe forboun oan it heitelan salang it syn tael haldt. Mei earbiedenisse scil it neiteam stean by syn grêf op it Lekkumer höf. En üs komt yn it sin dy rigel fen 'e Grykske dichter: Eumeniden, rjuchtfeardige skikgodinnen, Frisselje for dizze man in earekroanl Sjuch: E. A. Borger's dichtwerken, Volksuitgaaf, 1868; N. Biogr. Woordenb. IV 222- 1 G. de Crane, Narratio de vita at scriptis Ev. Wassenbergh Fianeq 1828; W. B. S. Boeles, Frieslands Hoogeschool en het Athenaeum te Franeker II 'bl. 568—574 (mei portret); Handelingen van de Maatschappij der Nederl Letterkunde, 1827, bl. II; van Doorninck, Nederl. Anonymen en Pseudonymen, no. 67, 3133, 4808. Algem. Kunst- en Letterbode, 1821; Yn üs eigen Tael, 1916, 1917, passim; Hulde aan Gysbert Japiks, I, bl. 37; en Wassenbergh's skriftlike neilittenskip yn 'e boekerij fen it Frysk Genoatskip; G. A. Wumkes, Trije Fryske studinterimen, yn It Heitelan 1926; F. Buitenrust Hettema, Vragen over de Teskloaw fen Achlum, yn Fr. Volksalmanak, 1889, bl. i94_Li99; deselde, Bloemlezing uit Middelfriesche Geschriften, 1887, bl. 47 56; J. Scheltema, Dy Tescklaow to Achelim ney Greata Watses Rioecht; daf te: de wet op het dorschen van het raap- of koolzaad te Achlum, naar de bepalingen van Groote Watze in den jare 1559 gegeven aan Juw ter Wisga, yn Geschied- en Letterkundig Mengelwerk, 1823, dl. III, bl. 49—98; Johan Winkler, Sljucht en rjucht as dy fen Boalsert, yn Fr. Volksalmanak, 1889, bl. 113—116; It portret fen Jhr. I. Aebingha van Humalda is yn oaljeferve by boargemaster Jhr. Humalda van Eysinga to Dimter. TILEMANN DOTHIAS WIARDA IT bloed krüpt. dêr't it net gean kin, seit it sprekwird. Bring it Fryske bloed nei Paterson ef Batavia, nei Kaepstêd ef Yokohama — hwent de Fries is in ütfleaner. in emigrant, in Viking jimmeroan lükt it nei it Noardséstrên. De widze, dy't dêr ienris stie, kin yette sprekke nei ieuwen. Tjomme Wiarda en Ath Bonninga stiften yn 1472 it Geleister kleaster yn 'e stêd fen Ljouwert. De 8e Maeije 1533 bisegelen Upke fen Burmania en Dothias Wiarda it testemint fen Anna Wattema, dy't non waerd yn it Beginekleaster fen Siegerswêld. In tüke fen dizze Wiarda's waerden yn 'e Spaenske frijheidskriich nei East-Fryslan forplante, en yn 'e 18e ieu bügde dêr in leat him wer nei it Wester-Lauwersk honk. Tilemann Dothias, berne 18 Oktober 1746, hie hwet yn him fen Ubbo Emmius, dy't GreatFryslan socht. Syn bernejierren forrounen yn it stêdtsje Aurich, dêr't Prusyske stivens en hohikens op 'e troan sieten. De frije Fryske geast, dy't om de Upstalbeam ünder 'e klokslach fen 'e stêd sweve, wier tosiik. Men makke bügeminten for de Konsistorialrath en kompleminten for de Kommerziënrathin en elts naem it tige krekt mei titels en seremoanjes. Sneins trape al dy deftigens nei tsjerke, de foarname hearen mei in tsjinstfeint yn liverei efter hjar, de frouljue mei in faem. dy't it tsjerkeboek, boun yn read fiewiel, droech. De bern krigen in strange opfleding. Mem Wiarda haldde de earnstige, puriteinske tradysjes fen it Griffemearde Emden en Reiderlan heech. Dochs strüze troch dy binyptens in frisse simmertwierre. Dêr wier in rountsje, dat de ynfioed ündergie fen Klopstock en Herder. De jonge Wiarda hearde dêr ek by. Hy hie studearre oan 'e hegeskoallen fen Duisboarch en Halle. En twa ümstannichheden wirken mei om syn ljeafde to prigeljen for de ideeële skatten fen it Fryske folk. Foarearst wier it boek fen Herder Geist der Hebraischen Poësie (Dessau, 1782) for him in iepenbiering fen nij libben. Hy krige dêrtroch mids de kleurleazens en ienfoarmigens om him hinne, each for de eigenheden fen it foltslibben yn brükme en sprake, yn wet en leauwe. En herders hie er it foarrjucht yn konneksje to kommen mei M. von Wicht, de kenner fen it aldfryske rjucht, dy't ek yn Aurich wenne en yn 1746 it Eastfryske lanrjucht ütjoech. Troch in pear stüdzjes oer de landagen fen 'e Friezen by de Upstalbeam (1777) en oer de rjuchters fen Brokmertón (1782) foei de oandacht fen 'e witténskiplike wrald op him en waerd er bineamd ta lid fen it Grinzer Selskip Pro »vrr>1ndr» itire natrio. dêr't ljue as Mr. van Halsema en Mr. de Sitter de ütkomsten fen hjar stüdzjes op it gebiet fen it ald-heitelansk rjucht yn it formidden brochten. Lans dizze wei kaem er ek yn brieveforkear mei Petrus Wierdsma to Ljouwert, dy't in ütjefte fen de alde Fryske wetten ünder hannen hie. Wierdsma klage yn in brief oan Wiarda (25 Nov. 1787) det er sa'n bytsje oantreasting fen oaren for dat wirk krige. Allinnich de riedshear Petrus Brantsma holp him by de publikaesje. Dit wier fen dizze gefolgen, det er ek oergie ta de stüdzje fen alde rjuchtsdokuminten en det er him bigoun üt to lizzen op it ald-frysk. Sa üntstiene syn skriften Geschichte der ausgestorbenen alten friesischen Sprache, Aurich, 1784, en Altfriesisches Wörterbuch (1786). Dit wirdboek joech alle bliken, det Wiarda in Hitich pinflsker en in skrander gelearde wier. Al is it boek yn mannich opsicht foraldere, it hat oant hjoed de dei syn wearde bihalden. De haters binne yn haedsaek ta to skriuwen TILEMANN DOTHIAS WIARDA oan it bihelplik stüdzjemateriael, dat de biwirker ta syn biskikking hie. Hy hat lykwols frijhwet printe en net-printe dokuminten trochnoaske en oerköge. Bütendet, hy hat nea net tocht oan it gearstallen fen in folslein wirdboek, dat de hiele Eastfryske taelskat mei syn rykdom fen ünderskate foarmen bleat lei. Hy skreau net inkel for gelearden, mar ek for it greate publyk, n.1. yn de tiidskriften Ostfriesische Mannigfaltichkeiten en Oldenburgische Blatter. dy't syn opstellen oer de heitelanske skiednis bifetsje. Ut dat skriuwen is wer berne it monumentale wirk Ostfriesische Geschichte (1789-98), dat er op forsiik fen 'e Eastfryske Steaten yn 'e pinne naem. Mei it tredde diel fen dizze breedopsette skiednis wier er al ta oan it punt, dat syn greate foargonger Ubbo Emmius birikt hie, n.1. de Spaenske frijheidskriich. Mar herderop koe er bislach lizze op mear boumateriael as ien fen syn foargongers. Stikken, dy't noch gjin skiednisman ef kronykskriuwer yn 'e hannen hawn hie, krige hy ünder 'e éagen. De archiven fen it Emder stêdshüs en fen it Eastfryske regear waerden for him iepene en fen 'e printe literatuer ikkere er in wichtige samling op. De boustoffen dijden sa ünbitinkelik oan, det er de 17e en 18e ieu folie wiidweidiger bihannelje koe as de foarige ieuwen. Elts jier brocht nou in nij diel oan, oant yn 1798 diel IX klear laei mei de biskriuwing fen Frederik de Greate syn regear. Men kin net sizze det dit skiedwirk smaeklike kost jowt, mar for de historikus fen birop lizze hjir skatten opsteapele. Wiarda naem de tried fen Emmius syn wirk wer op en socht it herder to bringen, likegoed efterüt yn 'e tiid as foarüt. Mear as syn foargongers joech er syn oandacht binammen oan 'e aldfryske rjuchtstastannen. Ynsaher slüt er him ticht by Emmius oan, det beide de tiden fen it middelieüske selsbistjür for tiden fen in gouden frijheid oanseagen. Dochs is twisken Emmius en Wiarda wer in great ünderskied. Emmius syn biskriuwing, alhowol annalistysk yn opset. joech dochs de stof oersichtlik en smaeklik, lyk as de Klassiken, dy't him tsjinnen ta model, en syn wirdkar en sinbou kamen ticht fcy de pronkleaze sierlikens fen de alden, Wiarda dêrtsjinoer wier net literair oanlein. Yn him siet gjin humanist, mar de rjuchtslearde, dy't him net bikroadet om in moaije forhaeltrant, dêr't bygelyks Schiller dotiids yn ütblonk. It like wol eft er de lêzers pinigje woe troch de foarm to forwaerleazjen. Wiarda is droech en as in koartswilige set troch it forhael rint, mist er yette alle linigens. Dêr komt noch by, det de skiednis fen literatuer en kinst him kald liet. En wylst Emmius mei gloede trochstrielje liet, det it yn 'e 17e ieu gie om de religieuze en boargerlike folksfrijheden en as in saek, dêr't er persoanbk bilang by hie, as in hertesaek, as in libbensfraech, stie Wiarda der skeptysk foar oer. Hy seach yn 'e religy net de polsslach en de herteklop fen in folts. Syn libbenssköging bleau mear oan it oerflak fen 'e dingen. Eft er de Franske revolüsje yn 'e groun forstien hat, moat men ek bitwivelje. De weagens fen dy omkear róllen oer syn heitelan hinne, do t er de pinne fen syn greate libbenswirk dellei. East-Fryslan waerd in „département de Hollande." Wiarda arbeide troch op it gebiet fen rjuchts- en spraekhistoaryske wittenskip. Syn alde konneksjes mei Nederlanske gelearden libben wer op. It Frysk Selskip hat in presint-eksemplaer fen syn Asegabuch, ein altfriesisches Gesetzbuch der Rüstringer, Berhn, 1805, oan Petrus Wierdsma, mei in frjeonlik skriuwen foaryn (B. S. 407). Von Richthofen hat it mei rjucht as rüch wirk brSrimerke. De pynlike krektens by de ütjefte fen rjuchtsboarnen waerd in eigenskip fen letter dagen. Do't yn 1808 it Keninklik Nederlansk Institüt for Wittenskippen ensfh. oprjuchte waerd, bineamde kening Lodewyk Napoleon him ta lid. Foaral de skriuwer fen it Institüt, de Fries Jakobus Scheltema, rekke mei him yn brieveforkear. Yn 1820 seach syn Geschichte des alten Friesischen Gesetzes yn 'e wirken fen dat Institüt it ljocht. De Fryske saken hiene en haldden de ljeafde fen syn hert. Yn 1822 skreau er it opstel Lex Frisiorum antiqua yn it Zeitschrift für Gesetzgebung und Rechtswissenschaften. Hy bleau yn relaesje mei Petrus Wierdsma en korrespondearre mei Driessen en Feith oer de Monumenta Groningana en it biklimrjucht. En sa is it syn fortsjinste det syn each hiel it alde heitelan omfieme. It is him ek slagge de ütkomsten fen syn taelkindige en rjuchts-histoaryske stüdzjes óf to rounjen en in plak to jaen yn it gehiel fen 'e Germanistyske aldheidkinde, al moat men it den ek „Forarbeit" neame. Hy is for üs Friezen in foarboade fen Jakob Grimm en Karl von Richthofen. Sünder mis hiene dizze neifolgers krekter en breder ynsjuch yn it Fryske forline. En wy tinke oars oer Fryske frijheid as Emmius en Wiarda. Wy sjugge dy mear yn it ljocht fen it hearskjende füsttjucht. mar de fortsjinste fen Wiarda bliuwt det er in smite histoaryske boustof rédden en gearfandele hat yn in tiid, dy't sokke saken socht oer board to smiten. As minske wier er in patriarchale hguer, dy't it alde yn eare haldde. Syn wirkdei bigoun rigelmiettich de moarns om acht üre mei it lézen fen in kapittel üt de Bibel, herders koe men him hne oan syn skriuwtafel oan 12 üre ta en middeis ek noch m ure et trije. Earst nei syn 50e jier bigoun er de krante to lézen. Romanlektuer nolke him net. Nei de dea fen syn oarehelt (1800) mocht er jerne in skoft yn 'e hirdsherne sitte by syn tsjinstfolk yn e alderwetske koken. En mannich sprekwird ef sprekwize by san gelegenheid opdien, krige in plak yn syn samling^Syn feinten en fammen bleaunen jierrenlang by him yn tsjinst. Foar syn tactocfaite jier hie er noait in dokter hawn. Einlings yn e winter fen 1825-26 makke in swier hoastjen in ein oan syn wirksum libben. Hy wier in Stanfries. ienfaldich, sljucht en rjucht. Sjuch: C. H. Wiarda, g*?^^ over^S' ^\ R Wierdsma, uitgever der O. F Wetten Vr. Fne> XII, {3^. f ^ N e 301—326. ALBERT TEN BROECKE HOEKSTRA DE Ten Broeckes binne in ald, aedlik Frysk slachte. Hja kamen rimpen op: Ocko, de pake, Keno, de heit, en Ocko, de soan. In fyftich jier gyng it berch op, berch öf. Hja hiene swide macht, mar fordwounen hookstrooks fen it toaniel (1376—1427). Men lést fen hjar yn Eastfryske en Grinzer kronyken. Hja spilen in rölle yn 'e striid fen 'e Hanzestêdden en Vitaljebroerren, de wylde Vikingen, dy't nou yn tsjinst fen dizze, den fen jinge Eastfryske haedling stiene. En om alle trije Ten Broeckes swevet de geast hinne fen de „quade Foelke" lyk as de kronyk fen Eggeric Beninga, de frou, mem en beppe neamt. Hja rekken letter bisibbe oan 'e greven fen Nassau, sadet üs keninginne Ten Broecke-bloed yn 'e ieren hat. En it is grif gjin tafal det yet yn 'e 19e en 20e ieu oan it hóf fen 'e Oranjes twaris in Albert ten Broecke Hoekstra yn oansjen wier, in adjudant fen üs keninginne, en in ieu forlyn wier syn oarepake, dêr't wy it nou oer hawwe scille, in ginstling fen kening Willem I. Albert ten Broecke Hoekstra, berne yn Holwerd (1765), wijde him oan 'e stüdzje fen 'e rjuchten yn Frentsjer, dêr't er 19 Juni 1786 as juridysk kandidaet ynskreaun waerd en koart dêrop promovearre as doctor juris. De akadeemje mei prefesters as Wassenbergh en De Crane wakkere de ljeafde for alles hwet Frysknasjonael wier, oan, sadet èn it bloed èn de oplieding him foarmen ta in Frisiast yn ieren en sinen. Hy waerd yn 1786 ynskreaun as abbekaet by it Höf fen Fryslan, yn 1790 waerd er lid fen 'e Admiraliteit yn Harns, yn 1793 folmacht op 'e Landei en yn 1794 grytman fen Westdongerdiel. Yn 1795 briek de Revolüsje los, en oermits er in gleon Oranjeman wier, wers fen alle Fransk patriotsjen, dat yn syn gritenij hjit fen 'e reaster gie, moast er it oare jiers ampt en heitelan farwol sizze. Hy teach nei East-Fryslan, it üntwyk fen 'e Fryske orangistyke aristokraetsy. Dêr, yn 'e iensumens fen syn ballingskip, koe er net stilsitte. De earbied for syn Frysk komöf siet him heech Yn 'e frjemdte woechs syn ljeafde for 'e memmetael. Gysbert Japiks. dy't er alear ünder 'e ynspiraesje fen Wassenbergh lézen hie, bigoun er op e nij A. TEN BROECKE HOEKSTRA to bioefenjen. Fen 'e Gysbert-sprake wier mar ien stap ta de sprake fen 'e Fryske wetten. Dy brochten him wer ta it Angelsaksysk en oare Germaenske talen. Do't de patriotteswimel troch de Franske ierlitting yn it lichum fen 'e naesje ófkoele wier, socht er it heitelan wer op, om him as amptleas boarger del to jaen yn Haerlem (pl.m. 1802). dêr't er de taelwittenskip bioefene. Nei de yntré fen NederlSn yn 'e rige fen 'e Jeropeeske naesjes, mei Willem I assouverein (1813), frege Hoekstra eft er syn grytmanspost wer Lu u.-»-,„.>« ™ oan svn fiiannen sjen to litten, det hawwe rnui_ui. umamu.^. ~— -i - - de saek fen Oranje einlings triomfearre hie. De kenmg kaem syn winsk nei en sa naem er wer syn funksje waer as grytman fen Westdongerdiel. Mar it moaije wier him dêr gau öf. It gie hun lyk as Willem fen Haren, dy't it grytmanskip krije koe fen WestStellingwerf, mar dêrfor bitanke. sizzende: „In ampt dêr t de jower de macht fen haldt en dat allinnich in namme meibringt. nolket miskien in oar. mar gjin fen Haren." En Hoekstra woe ~ lyk as er sei - gjin brievebisteller fen 'e gouverneur wêze; foar e revolüsje krige de grytman heechstens fiif brieven yn in jier en nou fiifhündert. dat wier him herstento folie. By it oprjuchtsjen fen learstoellen yn 'e Holtónske tael en skiednis ornearre Hoekstra, him kaem sa'n baentsje wol ta. en ja. hy knge Leuven, mar nearne paste er minder as dêr. Leuven wier by utstek Roamsk en Hoekstra wier tige Griffemeard. It dürre net lang ef yn 'e strjitte dêr't er wenne, neamde men him de „greate Joad," net omdet er in Semitekop hie, hwent hy wier in stoere, feardige, blonde Germaen, mar' de bürren neamden him sa üt djippe minachting for syn persoan en religy. Mar noch slimmer krige er it mei syn studinten oan 'e stök. Hy wier gjin man om wetter yn 'e wyn to dwaen en dat easke dochs de posysje. Tink ris ta in Noard-Nederlanner, dy't troch kening Willem I stjürd wier om Brabanners Hollansk to learen! En Hollansk, dat wier — seinen hja — de tael fen it repalje, hwet mear sei, fen 'e Onderdrukkers. Yn pleats nou fen hjar it Hollansk troch inkelde blomkes fen 'e nijste poëzije smaeklik to meitsjen, bigoun er de Spieghel Historiael fen Maerlant kritysk to bihanneljen. En hy deriyearre en etymologysearre, det it de hearen foar 'e eagen skimere. It einbislüt wier, det de studinten foetsikers op syn kolleezje ófstieken. Do't er him dêroer biklage by de Akadémyske Senaet, foun dizze gjin reden om hjar mei dy heibel to bimoeijen. De prefester brocht syn biswieren by it Hóf en forsocht de kening om üntslach. Dizze joech him de rie yetris syn lessen „oan to plakken." Dit die er, mar ta syn great formeits teikene nimmen op 'e lyst. Do't de kening him frege, hwa't syn opfolger wirde moast, andere er; „Hwet dommer, hwet better." Hy waerd nou bineamd ta lid fen it Keninklik Institüt mei in pensioen fen 1800 goune. Amsterdam keas er ta wenplak en dêr is er bleaun oan syn dead ta (1828). It gebiet fen syn stüdzje omfleme büten it nij en ald-Frysk, it Angelsaksysk, Ingelsk, it Midden Heechdütsk, it ald-Nederlansk, it Skandinavysk en Gothysk. Spitigernöch gie er dêrby tige dilletantysk to wirk. Hy lies mei de pinne yn 'e han en elts wird, dat him wichtich talike, teikene er op, mar alles troch inoar yn kantoarboeken, smelle kladboeken en stürtske skriften ef op pompier dat er mar by de han hie. De ienige folchoarder, dy't er der op nei hêldde, wier dy fen it A B. Fierders kaem it allegearre oerhastich yn ündüdlik skrift to boek. De reden fen sa'n menear fen arbeidzjen wiér, det er hielendal allinnich for himsels studearre en nea mei in oar oer syn stüdzje rieplachte. De ütkomsten. fen syn ljeafhawwerij haldde er den ek geheim. J. H. Halbertsma bisköge it as in greate ünderskieding, det er fen Hoekstra de kopy Bodders yn 'e Fryske Striid 26 krige, dy't er yn Oxford üt de Jurüus-hanskriften makke hie fen Gysbert Japiks syn fêrsen (31 Aug. 1815). Om yen in krekt oardiel to foarwjen oer dizze taelgelearde, moat men yn it each halde. det er de drege wittenskiplike founeminten miste. Hy koe fen gjinien tael de grammatikale bigjinsels. Foar en alear er dekhnaesjes en konjugaesjes opsette, bigoun er al to skriuwen en to oardieljen oer 'e tael. Hy fieach fen tael ta tael, fen boek ta boek, sünder ienheid yn syn tinkbylden to bringen. Sa hat er wrot nacht en dei in lange rige jierren, wylst er öfseach fen alderlei wraldske formeitsen. Syn wirkkrêft wier sa great, det er faken yn 'e nacht opstie om in wirdöflieding, dy't him ynfoel, op to teikenjen, üt soarch, det er dy wer kwyt reitsje scoe. Einlings krige er foar it forstan, det er dochs ek ris hwet ütjaen moast. It nuttichst scoe west hawwe, as er bygelyks Gysbert Japik's wirk mei suvere tekst en koarte forklearrings yn it ljocht jown hie. Ynpleats dêrfen sloech er master Gysbert as in spiker oan 'e mürre om dêr de leadswiere lést fen syn oanteikenings oan op to hingjen. Yn 'e Algemeene Konst-.en Letterbode fen 20 en 27 Aug. 1813 skreau er in Proeve ter inteekening op een uitgave van Gysbert Japix Vriesche Rymlery in 3 deelen. naar den ouden druk van 1668 verbeterd en met taalkundige bijdragen voorzien. Syn doel wier Gysbert yn ünrym to fortalen en oan it ein fen elts diel taelkindige bydragen en forlikings to jaen üt wol fjirtich skriuwers, lyk as Maerlant en Stoke. v. Velthem en Anna Bijns, Spiegel en Bredero, Huygens en de Decker ensf. Op it titelblêd scoe in vignet pronkje, foarstellende de tsjerke fen Holwert, en dêrby Gysbert Japiks, dy't Ünder in beam for syn folk Fryske lieten sjongt, wylst üt in wolk de sillige bard Bernlef to foarskyn komt om de greate Fryske master mei in lauwertüke to kroanjen. As men dat prospektus sa trochlêst, kin it yen gjin nij dwaen, det de lêzers fen 'e dichter öfskrikt waerden-troch sa'n berch fen geleardens. dy't net op syn plak wier. en det it hele plan yn it wetter foei. Epkema hat letter Gysbert Japiks ütjown, mar hy hie itselde swak om Gysbert forklearje to wollen mei in fracht oanteikeningi üt ünfryske skriuwers. Dat mocht nuttich wêze for de forlykjende taelstüdzje, mar minder for it Fryske taeleigen. Dêrfor is folie mear nedich, n.1. in jierrenlange gemiensumens mei de libbene foltstael. En dy misten èn Hoekstra èn Epkema. It mislearjen fen 'e Gysbert Japiks-ütjefte binaem de stoere wirker net de moed om syn taelstüdzjes mei in flyt en bisieling foart to setten. dêr't men net licht de Weargea fen fine scil. Yn haedsaek lei er him nou üt op etymologyske neispoaringen en op in biwirking fen Caedmons' Parafrasls poëtica Genesiös. in Angelsaksysk taelstik üt 'e 7e ef 8e ieu, dat Franciscus Junius yn 1655 ek yn it ljocht jown hie. Yn 'e léste jierren fen syn libben krige er fen 'e Regearring de opdracht om de yet yn it tsjuster weisküljende oerbliuwsels fen 'e Nederlanske tael üt 'e 13e en 14e ieuw oan it ljocht to bringen. Mar it wier for him net weilein in stik fen dizze taek ré to krijen. De dead oerfoel him en twong him de pinne, dy't nea net rêst hawn hie, del to lizzen. Mei him forstoar in bodder, dy't net folie taestbre ütkomsten fen syn wirk sjoen hat, mar dy't troch de ynlike ljeafde for de tael fen syn heitelan, syn libben ryk makke hie. Yn 'e boekerij fen 'e Nederl. Maetskippij fen letterkinde is dit Fryske fêrs fen him oan prefester Ypey to Grins. skreaun 29 Oktober 1815, det men Sielegjalp neame kin: Greatte Stalcke! Doar! wott' aet wesse' ynn Wrad, wear Galg in Red fen schödje, Bist nommel, nolck in from, ynne earmoe moaste döddje, , Sjog 't Korsikaansche bred, dat wispjet, frybuut, moardt 't Binne prinsen, graaven, in hjar rjuechten doerje fort. Dear 'k earm man tweyntig jier oon Lan in Vorst forhefte, Fruchtleas myn rjucht bisyck, trog wjealde rju forkrefte. Doch 't nyd struck-roavers naet, dat jae ynn' steat forhaegd Hjar proay forslynne yn free, in 't lock hjar gongen schreagt. Want ho forhuynd, forsmyt'n, myn Tinckwyz dy mot blieuwe, Dat mey Oranje, uwz Lan, sill falie, stean in driuwe. Sjuch: M. Klinkenberg, Geschichte der ten Broks, Norden, 1895; Handelingen der Maatschappij van Letterkunde, 1829, bl. 25 v.v.; De letterkundige verdiensten van A. ten Broecke Hoekstra in de Letterbode, 1829, II, 372. Oer syn houlikslibben kin men neigean de oanteikenings fen J. H. Halbertsma yn in eksemplaer. fen 'e Dimter Kalinder ef Skriuwalmanak, 1828, M. S., yn de Prov. Bibleteek to Ljouwert. Tige seldsum is syn opstel Nuttigheid van de Taalkennis der Middeleeuwen, alsmede van die der Oude Vriesen. In eksemplaer is yn 'e Prov. Bibl. dêr't ek brieven fen H. biwarre wirde; J. H. Halbertsma, Letterkundige Naoogst, Deventer, 1840, bl. 284—290. JAN KNJILLES PITER SALVERDA IN dichter skriuwt him yn Nederlan dea en earm, hat Bilderdyk ris sein. En fêst stiet, det de man, hwaens namme wy delskreaun hawwe, him net ryk dichte hat Mei lompen ditsen en skoudere fen 'e minsken bitelle er hjir op ierde syn skild. As ien dichterlibben heukerich west hat, den wier it fen dizze Wünzer skoalmaster. Syn komöf wier oan heite side üt in treftige boerefamylje. dy't sa'n pear hündert jier tahalden hat op Salverd, in boerebürren biëasten de stêd fen Frentsjer. Op alde kaerten stiet dêr in tropke fen trije huzen. De iene pleats wier in stjelp fen Dirk Fontein, dy't er in hearehuzinge fen makke en op de homeije sette het Great Salverd. Dêr wenne letter Joast Hiddes syn stalke Freerk Fontein. De oare pleats wier yn eigendom by de Roamske Adamajiffers. De trêdde is Salverdahüs. dêr't heel it Salverda-laech ütbret is en ek de namme Sal ver da fendinne komt. Op Salverdahüs wenne om 1770 hinne by Pier Salverda en Tryn Kingma in boerefaem mei in skrandere holle en fen aedllik komöf. Hja hjitte Pietje Jacobs Driesen Meenhof. Net lang hie se dêr west eft de soan Piter. alhowol 17 jier alder. krige hap op hjar en troude hjar. Dit houlik stie de alders hwet matichjes oan, sadet Tietk in middel bitocht om üt egen fearren to fieanen. Hja gyng nei de forneamde dokter Gadso Koopmans to Frentsjer en liet hjar troch him ünderrjuchtsje yn de froedkinde. Dat hie se flink beet en waerd hoarnwiif earst yn Easterlittens, do yn Balk en einlings yn Boalsert. Dêr is Jan berne, 28 Juni 1783. Hy waerd as foech jonge op it wolkammen bisteld, mar dat skoerde üt en do ornearre men, hy moast skoalmaster wirde. Master Teake Doaites joech him hwet les en makke him klear for it institüt to Frentsjer. Dat wier in taheakke fen 'e akedeemje. Yn 1798, 14 jier ald. kaem Jan dêr op 'e stüdzje. Syn mem sette der alles by op om him ta in man to meitsjen. Hja hie it net breed, mar „dat helpt net" — sei it krasse wiif — „al scil ik gjin himd oan it liif drage. üs jonge scil trochstudearje." Hy krige fiif jier les fen pre- festers en lektoren, ü.o. fen Pref. Wassenbergh yn 'e Hollanske tael. en dizze learmaster scil de earste fonken for it Frysk by him wol oan it spatten brocht ha. By it ein fen 'e stüdzje waerd him in plak as ündermaster taskikt oan 'e skoalle fen Boalsert by master Zevenhoven. En as dy üt oarder wier, moast er ek yn 'e tsjerke foarlêze. Sa hat Salverda wol efter itselde foarsjongersboerdtsje stien as master Gysbert. Nei in noflik jier by mem-en-dy sliten to hawwen, gyng er nei Tsjerkwert mei de hope om dêr skoalmaster to wirden. Master Pike dêr waerd gammel en koe it getsjoen mei de bern net langer ütstean, mar hy romme syn plak net yn. Salverda mocht de bern Ald Wflns. leare. stikelstekke, de tsjerke oanfeije, pantsjes omfeije, klokliede, mar dêr kaem er net herder mei. En hy moast herder, hwent hy rekke yn 'e lange tsjinst troch syn boask mei Antsje Durks Baarda fen Warkum, in nift fen master Pike. Lokkich krige Salverda yn 1807 it birop nei Wüns en dêr hat er oan syn dea ta de skoalle bitsjinne. Om't it ynkommen net to rom wier, sette master Pike de jongeljue yn in boerewinkel, mar Antsje, dy't elts jier in bern krige, koe dy saek net foar inoar halde. Hja stoar yn 1814. En it like wol eft hy syn üngelok tomiette rinne woe, hwent koart dêrop naem er syn twade wiif, in sloofke fen gjin 18 jier, sünder iennich fors tan fen hüshêlden. In ünbiskriuwlike ilinde briek do oan. Gjin minsklike woldiedichheïd wier yn steat om de put to dimpen, dy't mids syn hüs stie, Büten skoaltiid joech master les oan 'e huzen fen de boeren, alhiel oan Allingawier en Wytmarsum ta. Mar mei al syn dwaen koe er noch safolle net winne, det er de bük altyd fol krige. Dat hat syn krêften ündermine. Hy stoar as in houn yn 'e greatste ünhurens. Sa great wier it ófgrizen for syn hüs, det nimmen as de neiste frjeonen deryn woenen. De boeren, dy't de kosten fen 'e bigraffenis bitellen, hawwe it leed yn 'e herberge hawn. En dochs dizze üngelokkige, dea-earme man, dy't mei in pak fen altyd oangroeijende soargen omroun, wier in dichter. It like eft de gisel fen 'e earmoede en de ünfortsjinne forachting syn gemoet yn löge sette en hwet füler it fortriet yn him knage. hwet suverder en krêftiger syn sangen waerden. Hy wier let ryp. Op syn 21e jier pielde er mei rimen. mar dêr siet gjin sprankje echt fjür yn. Earst op syn 45e jier joech er biwiis, det er dichter wier. Jhr. Idsert Aebinga fen Humalda. ald-gouverneur fen Fryslan, dy't kinde oan him krige, seach gau, det der hwet nuvers yn him stike. Salverda moast by him ütfenhüs komme. Dêr hat er do forskate dagen yn Burmaniahüs by him west om him ris üt to iten en mei-ien torjuchtwizingen oer syn wirk to krijen. De gasthear roun alhiel mei master Gysbert wei en hie him safolle lézen, det syn fouten him net mear stuitene. Dos Gysbert wier it eksimpel dêr er yn alles mar nei sjen moast. Nou gie it Salverda as alle bline neifolgers. det er it luftige. it maklike en natürlike oan Gysbert halde liet, en de keppele wirden fen him oernaem. Bütendat hie Salverda deselde reden om yn dy fout to fatten as Gysbert, to witten: hy wier sa propfol tinzen en hy wier tagelyk sa'n hater fen langwiligens, det er dy lange keppelwirden oansloech om de stream yn it koartste bistek gear to binen. Letter learde Joast Hiddes him kennen en dy hat wol fyfticnrit mei him harsenskrabe om him yette hwet hegers sjen to litten as de Boalserter master. Hy joech him de Lectures on composition fen Hugh Blair (Londen. 1783) to lézen en dy hawwe him der ta brocht om mear natürlike wirden en sinnen to brüken. Lykwols bleau him eigen om syn stikken algedurich to hottefyljen. Kaem him in wird. in tinsoanrin yn it sin. dy't him better noasken. den waerden dy yn it manuskript der byskreaun. Syn suverheden yn tins en tael binne dêrom sa trocharbeide det it opsizzen fen syn dichtwirk net licht is. Men stroffelt sims oer yens tonge. Dat is ek de reden hwerom er oan it neiteam mar sa'n lyts bondeltsje neilitten hat. Yn 1824 joech er by F. W. v. B. Smallenburg to Snits syn Ytlycke Friesche Rymckes üt. It boekje is taeigene oan Jhr. I. Aebinga fen Humalda. Dizze „Rymckes" kamen yn 1834 yetris yn it ljocht. mar nou formeardere mei 22 gedichten en ünder 'e titel Hiljuwns-Uwren, Ljouwert by G. T. N. Suringar. De Ljouwter conrector J. D. Ankringa holp him for de ütjefte troch de printkladden nei to sjen. De bondel bifettet tsjien oersettings, fiif fen Ald Allingawier. psalmen en fiif gedichten fen Bürger, Hölty en Kleist, dy't allegearre frij folge binne. De psalmen binne tige stjitterich yn 'e fersifikaesje. Den komme yn it boekje foar fêrsen dy't Gysbert Japiks, Fryslan en de Fryske tael forhearlikje, en herders gelegegenheidspoëzije, minnedichten, in pear fabels en religieuze dichten. De léste achtsje ik herwei de béste. Hja binne yndjip helde psalmen üt djipten fen ilinde. Yn gjin Fryske blomlêzing mei mist wirde dat krêftige Tins fen in Kristen oer de Wrald, dêr't ik inkelde koupletten üt oanhelje: WrSldl üt 'e wei! Ik wol net mei, Ik moat nei boppe. Hjir boppe is wille in ljeafde yn 't libben; Hjir ünder is alles oan 'e soune bisibbe. O wrald! dou hiest' Bidroch en list Om my to nekjen. Mar 'k haw dy forwol sein, en siz dy dat yette. Dy net mear neirinne, mar Jezus tomiette. Wei bline wrald! Hwa't mei dy haldt Lükst yn 'e küle. Ik hald m' oan myn pleitsjer, dy liedt my nei boppe Yn 'e himelske wenten, ik folgje Syn roppen. Dy iiv'ge sein Is my talein. Ik wol den duldzje. De himel is mines, fen Him dy my rédde: For dy is dyn plak yn 'e hel rees al bédde. Wei wrald den wei. Dy net mear nei, De himel wiuwt my. Hwet scil dêr elk Kristen Gods ljeafde-each oanblinkje O Jezus! kom ringen, om my dat to skinkjen. Dit hertstochtlik liet scil troch al de ieuwen hinne it Kristenhert tasprekke. Fen deselde stoerens en hertstocht en yn deselde miette set is syn De Dea. Dêr komme de wirden as yn it harnas op yen öf: Hwet is de dea, For dy't fen 't kwea Frijspritsen binne? It lest, ljeaf, lyts slomke, foar it reiz'gjen oer 'e stjerren Nei Jezus, hjar Pleitsjer by God tsjin it fordjêrren. Hwet is de dea For dy yn 't kwea As bargen wrotte? De poarte fen 'e helle, dêr 't Satan regearret, Mei ivige pleagen, dêr't wanhoop nea Stjearret. Hwet skildert er mei foarse, realistyske trekken de sündedrift yn It minskelibben. Wy bêdzje op doarnen ós en nettelstrüken, - En skeukje rêst en wille wei. Hat üs de fijne yn 'e füke? Hy fet üs hert en keatst d'r meil Us greatste need en pyn' komme üt ein hannen, Wy propje 't hert fol tsjêf en wy*; ■ En set nin frjemde üs ljocht yn nacht en bannen, Wy prykje, wy üsselme, de eagen blyn! Sa tommelje we as yn 'e süs troch 't libben, Yn wralds wil ryk; dogge earm yn 't goed', Oan't üs de dead fielt nei de ribben, Us flesk rüchskern't, en slaeb't üs bloed; — Wei fljucht üs preal, as 't ljocht fen 't stjêrforsjitten, 't Gordyn róll't óf, de groun üntwyckt, Us grêfheap sink't, wirdt wei, en wy forjitten, As 't goud net stient, nin hücheltong 't oerstrykt! Mei dizze fêrsen hat Salverda Fryske klanken hearre litten, dy't neigalmje by Lützen Wagenaar en Wybenga en dy't forbining drage fen 'e folkstael en de djipste godstsjinstige fiehngs. Dêr laei syn krêft yn. Oan it hikkeldicht wier Salverda ek net frjemd. Mar hy liet der nimmen hwet fen sjen, omdet syn foet ünder allemans tafel stie en er om it ljeave brea de boeren ta frjeon hélde moast. Mar üt alde pompièren op 'e Kênselarije haw ik in pear Stikelfêrsen to foarskyn helle, dy't hjir foar it earst printe wirde. Yn it earste sprekt syn wearzgens fen Pestalozzi syn nije ünderwysmethode. As er mei in draeiboerd de Wünser berntsjes lézen ef rekkenjen leare moast, woe er wol ris tüzen mile her fen 'e skoalle wêze. Hy dichte: De Dróge. 'k Laei jisterjoun myn holle Op 't weak en npchlik kj essen En liet myn sinnen boartsje; Hja spounen tins' oan tinse, En lük'ne d' eachgordyntsjes Yn 't ein my sêft foar eagen; En nou bigoun hjar djoeijen Hja spoek'ne, wyld as wriggen, En wezz'nen flink in dróchbyld, Dat mekk' my boargemaster Fen ien twa trije doarpen Ho hipplewip' myn harte! Ik swolge freuchd as wetter, En die my tiid noch üre. Omm' skoalle üt to kommen. Ik ried nei Skoairopsjenn«<<:f En sei: (dit wiern' myn wirden) „Dag, Hear! Ik bin biroppen En taens jo, for jou skoalle, For bord en ienheitstafel; Ik wol de bern net langer In rêd foar d' eagen draeije: Dêr habb' y d' hele kreamme, Ik scil nou oars my rédde, En winsk jo nou it béste. Ik jotte wer nei hüs ta, ■ Om 't hüsrie per to bringen; Mar wylst wy nochlik rieden Sjêdêr, üs weintsje kintert En 'k saeije g°nod opp' dyk dol, Fen keltme wirdd' ik wekke, En> — 0Ch! ik hie mar dróge. Yn It Lof fen Wons giselt er de skrielens fen 'e boeren, dy't ünder in tsjerklik-fromme mantel hjar arbeiders bringe ta in died fen wanhope. It fêrs folget hjir: Ik sjong yn heech petear de Wonsers oer de wrald Ik tilje s' oppe tiid; hjar lof, fortüz'nefald, Stream'weagjend nei de stêd en süzje djoe yn d' earen. Is minsklikheid dêr frjemd, lit hja 't fen Wonsers leare. Hjir yn üs neaken Wons blomt meilijd' ingledeugd, AUyk de roas opp' wylg, hjir fanlet d' earme freugd, De stille freugd fen 't grêf, dy wringt him 't wiet üt d' eagen; Hjir wirdt de brea-nead fied; de libben frettne pleagen Djoeij't dertn' om 't sjochtich djiert, dat me foar 't füjen skinst, Oan Wast ef bilsjocht stoarn. Swij stêdzjer fen jins ginst Oan d' earme, lear fen Wons. Loaits hjir de kinst fen 't garjen: Men smyt yn 't ponkj' in knoop foar 'n sint, is dat nin sparjen? Fijt! Anne is al dea, de nead joeg him in strop, En hong by 't stjonkend flêsk dy earme lijer op. Sa wijnt it brêk üt Wons. Myn sjongfaem, heger! heger! Bazün hjar eare Gods, kliuw op ryms heechste stegerl De Snein glanst yn hjar each, as sliep yn tsjerk 't net aeijt, Myn stalkes binne ljeafst dêr hjar de sliepgod paeit. By 't ütgean üt de tsjerk, as 't doddich ear wer wekket, Wer bolljen blerjen heart en 't each de kij wer sprecket, Dan bing'let dübel op de tong, troch doom'ny boun, Me hanbakt, keapt, forkeapt en 't siik hert wirdt wer soun. Ik foun ik yette in brilloftrymke op it boask fen H. Visser en Anna Bronger. Hy makke it op forsiik fen 'e hear Britzei to Makkum. Fen dit boaskdeuntsje yn 'e trant fen master Gysbert helje ik de fjouwer earste koupletten oan: Sillich boaskjen, saunris silHch As twa sieltsjes iens fen sin, Elkoar tsjinje, liedzje stypje Mei n'oar boartsje yn swiete min. By sa'n pear doar twist net komme, Krüpt biskül as d' ül foar dei. Boaskmin blier-eacht smert en plengen Grym en stym en sjür-sjen wei. Oer sa'n ljeafde struit de himel Libbens-lok mei folie miet. Sein' yn wirk en ljeave berntsjes Makket boaskjen dübel swiet. Ek sa'n optein, sillich libben Moat Y, giet myn winsk troch, ha Hwer is dan oan Flevo's seame Sill'ger pear as jimme twa? Nei de dichter syn dea hat ds. Joast Hiddes yn in sletten selskip fen in kloft treftige en eabele Friezen, leden fen it Frysk Genoatskip for skied-, aldheid- en taelkinde, in lezing oer him halden (1836). Hy hat do in poarsje sein, det de eargjirrige bern ergerje koe. Mar hy die lyk as de alde Friezen, byhwennear hja frjeonsprekkers hawn hiene. As alles yn 'e gollens en smoutens fen it petear der üt flapt wier, den wiisde by it weigean de gasthear op 'e doars-drompel, krekt as er sizze woe: „Dêr binnen moat bliuwe, hwet hjir forpraten is." Hwet yn aleartiden Joast Hiddes tobekhaldde fen publikaesje hie nou gjin reden fen bistean mear. Dêrom joech R. W. Canne dy lêzing in plak yn it tiidskrift Fryslan, jiergong 1918. Hja bliuwt de foarnaemste boarne for de kennisse fen dit dichterlibben. Mr. B. W. A. E. Sloct tot Oldhuis, de Geldcrskc baron, dy't oan polityk en litcratucr die, bitocht Salverda mei in libbensskets yn 'e Algemeene Konst- en Letterbode fen 1837 en yn 1852 biklage er him op in kongres to Ljouwert det hy om e nocht socht hie nei Salverda syn grêf op it Wünzer tsjerkhöf. Op W. Eekhoff syn oanstean hat it Frysk Genoatskip do in stien mei tapaslik opskrift oanbringe litten yn 'e tsjerkemürre (23 Juli 1853). , _ , . As wy nou op it einbislüt freegje: Hwet bitsjut Salverda for Fryslan? den is üs antwird twaderlei. Earst: Hy hat it natuereigen fen e Fryske tael yn 'e müle fen 'e boeren fyn bistudearre. Hünderten sprekwirden en sizwizen hat er sa üt it libben opteikene en op it A Bie brocht. Dy wirdregisters binne totónne komd by J. H. Halbertsma. dy't dêr wer boumateriael üt helle for syn Lexicon Frisicum. ' • It pompier, dêr't Salverda dit taelwirk op makke, binne reakrytteikeningen üt de Frentsjerter stüdzjetiid, do't er de tekenkinst learde by de portretskilder Barteld van der Kooi. Ds. Joast hat se formakke oan Fryslan en elts dy't er bilang by hat, kin se s,en op 'e Kanselerij to Ljouwert. Twad: Salverda hat de gloede fen 'e godlike dichtkinst troch it Frysk jage yn inkelde lieten, dy't er song mei in alderdjipste godstsjinstsin. lieten fen lijen, boete, leauwe. ljeafde forlossing en Ivich libben. Hy skoerde se sa earlik üt syn siele. det elts dyt ta him komt mei in truerjend ef hoopjend gemoet de neitrilling fen dat liet ünderfynt. Mei syn Tins fen in Kristen oer e wrald. mei De dea en It minskelibben hat er Fryslan riker makke oan wiere religieuze poëzije. Sjuch: R. W. Canne, De Fryske dichter J. C. P. Salverda, yn it tydskrift Fryslan, 1918. MARTINUS THEODORUS LAURMAN OPDIEN hie de Uny fen Utert, dy't men hune as „dat pronkstik fen Nederlan." Ofdien hie de theory fen 'e Steatesouvereiniteit. It nije wachtwird fen frijheid, gelikens en broerskip röp om tapassing yn 'e praktyk. Men woe in frije, ündielbre, forljochte, deuchdsume en lokkige Republyk, en om dêr ta to kommen, scoe men de ald-Nederlanske frijheid ynkoarte moatte, ek de Fryske frijheid. Mar do't dy steats-ienheid oplein wirde scoe mei it priisjaen fen 'e gewestlike selsstannigens, wier dat offer seis for ald-patriotten as C. L. van Beyma to great. Fryslan aksele tsjin in Nasjonale Konvinsje, mar joech einlings ta (1795). As mei in léste snik giene de Fryske frijheidsidealen fen ieuwen yn reek op om üt to rinnen op 'e hearskippij fen ien Caesar. En do waerd it o sa stil. Ek nei de stoune fen frijmeitsing kaem it net ta in greate died. Nimmen net kaem op it tinkbyld, eft in Fryske frijsteat, yn federatyf forban mei de oare gewesten, in twadde Uny mülk wier. Noch minder tocht hwa ek om öfskieding fen 'e oare gewesten. In inkel lyts blinkje fen Frysk libben twinkele yn it forhoalen. Sa wenne yn it gea fen Skernegoutum in iensum aldman sünder bern ef bernsbern, dy skreau him Jan Simons Hager. Dy makke 28 Sept. 1814 twa tiiddichten, dy't men jierren neitiid by syn pompieren foun en do plak krigen yn it Friesche Volksalmanak fen 1856, bl. 142—44. Hja tsjügje fen keizerhaet en oranjeljeafde, lyk as dizze rigels: Mennig Mem dy sit te kryten, op 'e fingers om te byten, Myn soon! myn soon! for altied siz ik dy goemoarn, It hart dat moat my brekke; ik kin nin wurd meer sprekke, Want de muwle giet my toa. Het bin ik de Keiser ba! Mar nau sil ik nog hett' sizze, in ik sil it jimme uwtlisse, Tagtig jier bin ik hast ad; mer ik hab op dizze wrald Nooit san grouwsaam minske fuwn, fen 'e moarn óf ta de juwn. Alles moat dog for him wyke, in for him de wimpel stryke. Myre Buwrman kloppet. Buwrman, nou heb ik wat nys: want uwz Prins is oppe reis, Uwz Forst al fen Oranje dy komt uwt great Bretanje. Ik sjiug de flaggen waayen; ik sjiug de Hoeden swaayen. In it sjietten mei Kartou, in it sjongen fen Nassou. Het bin ik bly! het bin ik b.ly! Nou binne wy fen Fransen vry, Ja! ik spring wol uwr 'e hoed, sei ik tjin uwz Buwrman Sjoerd. En yn Frentsjer bleau Wassenbergh Wekker en hoede de bounsarke. It wier him net üntgien, det It Libben fen Aagtjen Ysbrants yn 1808 by R. Bransma to Snits op 'e nij ütjown wier, „omdat er za volle fen praat en ney freege wurde, en net mear to kryjen wier." Seis hied er gjin eksemplaer bisette kinnen. Nou wenne yn Nijlan in boer, Sjoerd Simons Ypma (dêrre doopt 20 Okt. 1746, yn 1784 wenachtich yn Wieuwerd en boaske mei Lysbert Zytzes), fen hwaens fiif bern twa to Frentsjer studearren, n.1. Martinus. (ynskreaun 21 Okt. 1804) en Symon (8 Febr. 1798). Dêrtroch rekke er yn 'e kinde mei prefester Wassenbergh. Dizze skreau him eft er net ris ynformeare woe by Jelle Sipkes fen Teerns (22 Febr. 1738 ~ 29 Maert 1823), menniste preker yn Drylst en yn 1795 „representant des Frieschen volks" nei it boekje It libben fen Aagtje Ysbrants. Det die Ypma en waerd do gewaer, det Eelke Meinderts de skriuwer wier en Jelle Sipkes seis de oarde ütjefte bisoarge hie (1808). De heechlearde frege him ek eft er for him alde Fryske wirden, dy't yette hüsriem wierne, üt 'e foltsmüle opskriuwe woe. Do dat net folie opsmiet, bigoun Ypma üt syn eigen wirdskat in boersk forhaeltsje gear to stallen: Frouwlui by en oor op wisytte, praate mei elk oor. Hy die der by: Exodes tweintig Hir yn en vrieske rym oerzet, dat al sa'n 100 jier ald wier, fierdere twa rymstikken Oen de Joinge Liuwe en Goede Rie vor Joinge Liuwe, einlings in nammefers ta eare fen pref. Wassenbergh, en as léste taheakke in lystke Fryske wirden. It iene mei it oare kaem yn 1821 foar it ljocht by F. Holtkamp to Snits ünder 'e titel: Boere Vrysk, yn rym en onrym, plisierig en stigtelyk om ta leissen; mei en lyst vin aode sprekwudden, wat di ynt Stedske betudde. De skriuwer syn namme stie der net op, mar in brief fen him oan 'e prefester (Desimber 1815), dy't ik foun yn it Frysk Muséum makket him as sadanich iepenbier. Dêr binne ek noch twa stikjes printe yn Yn üs Eigen Tael, 1915. Den hat de Prov. Bibl. in pear fêrsen oan Hylke Hanekuik, „amptleas godgelearde" yn Harns. Mar hy is net de gearstaller fen. it boekje De Boere Schrieuwer oer it Nys hn de dey, dat ek yn 1821 to Snits forskynde. Do't Ypma's soan Martinus yn Frentsjer op 'e kolleezjebanken siet, wier der in oar studint fen deselde foarnamme, dy't ek de Fryske saek tsjinje scoe, n.1. Martinus Theodorus Laurman, üt in ald Frysk dominys-laech. De stamfaer, ek in Martinus, stie de earste jierren fen 'e Griffemearde tsjerke yn Hinnaerderdiel, Drylst en Snits (1583). Op him folgen aloan en alwei fen heit op soan njoggen dominys Laurman, dy't yn in tiidrek fen trije ieuwen de Fryske tsjerke bitsjinne hawwe. En sa waerd dizze Laurman ek in pastorijbern, dat to wrald kaem 21 Juli 1788, as soan fen ds. Hugo Martinus Laurman en Gesina Cornelia Schiere, in dominysdochter fen Tzjom. Do't de leksoms op 'e doarpsskoalle öfroun wierne, makken syn heit en ds. E. Nauta to lens him klear for de akedeemje en lans dy wei waerd er 15 Juli 1805 ynskreaun to Frentsjer. En de namme fen 'e lêstneamde karmaster en Gysbertkenner stiet der for yn, det de edelstien fen Fryske sin yn syn herte net dof wirde scoe. Yn Frentsjer soarge Wassenbergh for in nij opfonkeljen. 22 April 1811 forliet de jongfeint de hegeskoalle mei de béste getüchskriften. Dat fen Wassenbergh wier ien swide lofprizing. De studint die do foar 'e klasjes Frentsjer syn préparatoir eksamen en waerd as kandidatus bifoardere. Yn 'e oanteikenings fen 'e klasjes stiet: „Dizze treftige jongfeint hat sokke bütenwenstige bliken jown fen bitoeftens en kinde, det er de biwündering en rom fen 'e hele forgearringe oer 'e miette weidroech." Nei syn boask mei Eeuwkje de Boer, dy't him tsjien bern skonken hat, waerd er dominy yn it lytse doarpke Leilens by Stedum, dêr't syn pasterije styng yn it skaed fen de alde stins fen de Wijchgel's (22 Okt. 1812). Syn twadde gemeente wier Westerbroek, ek yn Grinslan, dêr't er syn earste preek haldde 12 Desimber 1819. Dêrwei is er rekke nei Easterlittens, syn berteplak, wol in biwiis, det er dêr heech oanskreaun stie. Hwent neffens it sprekwird wirdt in profeet net eard yn syn faderlan. Lykwols folge hy syn „ivich ünforjittelike heit" op. It birop kaem 12 Maert 1828. De yntré hie pleats 10 Aug. 1828 en oan syn dea ta hat er söen as harder en learaer op itselde plak, dêr't de forneamde Balthazar Bekker njoggen jier arbeide hat (1657-65). Uurman leit dêr ek biïerdge. Op syn grêfstien stiet beitele: „Hy wier in baernende en ljocht- sjende kêrs." . Grif koe men him rekkenje ünder de knapste dominys fen hiel Fryslên. Foaral as taelman hie er syn weargea net. De klassike talen, Hebrieusk, Syrysk, Arabysk, Aegyptysk koe er üt 'e pin. Büten it gewoane hüs- en sikebisiik koe men him den ek meastentiids hne op 'e studearkeamer mank syn boeken. Stüdzje wier syn sin en wille. Allinne de moarns makke er in kuijerke troch it doarp mei in lange Dütske piip yn 'e holle en den mocht er graech in praetsje meitsje mei dizze en jinge, dy't er mette. En sünder mis spriek er den Frysk. Det er de tael fen syn heitelan gans mansk wier, hat er biwezen yn syn Proeve van Kleine Taalkundige Bijdragen tot beter kennis van den Tongval in de provincie Groningen, Grins, 1822. Yn dit boek jowt er bliken. det er him ütlei op 'e goaspraken. Yn it foarwird seit er: „Men kriget pas earst it Nederlansk yn e macht, as men de ünderskate bisibbe dialekten binoasket." As dominy to Leilens bigoun er al gau de tael yn de müle fen de boeren en arbeiders to bistudearjen. Alderlei wirden en sizwizen teikene er op en brocht dy op it A Bie. Dêr foege er in forklearring by en sa üntstie neigeraden in leldkografyske stüdzje, dy't er yn syn Proeve opnaem en ütjoech. Mei formeits waerd er gewaer, det yn Grinslan net allinnich in poarsje wirdfen suver Frysk wierne. mar ek it natuereigen en de sinbou fen 'e tael. Datselde hie de forneamde tael- en aldheid-bioefener ds. Nicolaas Westendorp ek al oanwiisd efter syn Eerste Leerrede gehouden in de Nieuwe kerk te Sebaldeburen. Grins. 1809, bl. 138. Laurman joech mei dizze stüdzje feidik in taheakke op de Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen tongval. Frentsjer. 1806. fen syn karmaster Wassenbergh. Dêr't er mar gelegenheid hie. sodtt er forban mei it Frysk en as er dêr kans te seach. helle er ek Gysbert Japiks der by. Ja, it Frysk wier for him de sprake fen master Gysbert. It scil jimmer de eare bliuwe fen 'e Wassenbergh-skoalle, det hja for de greate Boalserter in swide forearing hie en him üt 'e pin koe. Sa wier it by Epkema en Salverda. en net minder by Laurman. Ek hat cr der tige oer gear west om him yn to wirkjen yn de alde Fryske wetten. In oarde biwiis fen syn taelündersiik is syn boekje De Postwagen van Groningen op Leeuwarden. Een mengelmoes, zaamgemengd uit de Nederlandsche en Boere-Friesche taal, en verders doorspekt met den platten Groningschen en Leeuwarder tongval door Dialectophilus, Groningen (1823). Hy lit dêr in Grinslanner, in Fryske boer, in Ljouwter en in Hollênner hear mei eltsoar op rym prate oer hirddravers en hirdriders, en de Grinzer boer docht de Hollanner in fraech, dy't wy ek wol ris dogge: Ein ding mout 'k joe rais es vragen, Waarom je ons iand, mien leive man, Toch Holland nuimt. In onze dagen Heurt min ook vaak dat ymand praat Van Hollands natie. Kört te veuren Zag 'k veur in boek de tytelplaat, Van Hollands roem. Nee 'k mag 't neit heuren. In biwiis fen syn frysksinnigens levere er yn Sliucht in Riucht. In rymke makke trog Marien Durks. Grins, 1825. It is in rymstik op' it Gysbert Japiksfeest to Boalsert, de greate langeanne fen 'e Wassenbergh-skoalle. Hy hat dêr ek ds. J. H. Halbertsma heard. „Der kam 'k yn Martenstsjerke der stie in oor, Dy like krekt op ien Mennist pistoor. Hy spriek in hy oreare, dat koe 'k forstean Fin aode Gysbertom; 'k tocht hoa scil dat gean? En as den „de kalken pop" wijd is en it op 'n sjongen en spyljen giet: Do kim er wer in oor op stoel In stil wier oos de heele boel. Perfester gieng nou oon 't leeren, Hy koe 't better as uis heeren. Hy wier oad, mar net forklomme, 't Liedje hie er op syn tomme. 't Tonkje koe er reppe in riere Master kin net better giere. Hy wier wol oad in wyt fin hier, Mar jiette goe in nolk fen tyer. Wa soe Evertom net kinne Frieslans lampe, in kesse in sinne? Dy Gysbert least, in wol verstean, Dy mat by Evert schoalle gaen. Bodders yn 'e Fryske Striid 27 De dichter skildert herders it himelryk: Der hearde ik ingels roppen, Der hearde ik stim in luwd fin boppen. Der fleag in seraf trogge seal, Mei gouwne wiukken grutte preal. Mei hymmelkransen ynne han, Mei sinneliuchten ynne branv Der joeg er sill'ge Japikssoan, Ien gouwne hymeleerekroan, Der waerd syn eag oerglanse, Mei hymel eergloorkranse. Der stoep ien ynne hymelseal, Ik seag it oan syn kroan in preal, 't Wier David, Kening, Isrels liucht, Der spriek er ruwn in lang net sliucht: „Der Gysbert Japikssoan is 't lean, To Boalsert stiet dyn byld te tean. Ynne hymel trog Gods glansen, Omhinge mei 'e eerekransen For 't zwietluwdig psalmen sjongen, Mei ienfadig Frieske tongen." Mei dit rymstik as poëzije net heech oanslein wirde, as kristlik tsjügenis oer master Gysbert stiet it boppe-oan. Hjir stiet er yn it gouden ljocht fen in heger wrald, hildige fen David, dy't ljeaflik wier yn psalmen. De namme fen rjue studinten, dy't yn it Gysbertboadskip fen Wassenbergh in nij libbensteiken for Fryslan seagen, is net mear by it neiteam bikend, mar Laurman syn namme hat oanspraek op us neitins. En nou't ik dochs dwaende bin mei in ald Frysk dominyslaech, wol ik hjir yette twa nammen neame, n.1. fen ds. Murk Hotzes Ringnalda (berne to Drylst 28 Sept. 1785 en dominy yn Adwerd (1809), Terkaple (1811), Harns (1815) en dêr forstoarn 4 Jan. 1831) en fen Wiepkje Agatha Reddingius, dochter fen Regnerus Petrus Reddingius, dominy yn Engelum (1766—1808) en boaske oan Ernst van Assen, apteker yn Harns. Beide hawwe Fryske fêrsen skreaun yn 'e dichtbondel Proeve van dichterlike Mengelingen, dy't yn 1822 ütkaem by Jan Groot to Saendam. Ik haw se op 'e nij ütjown en bispritsen yn It Heitelan, 1923, bl. 134 en 146. Fen elkmis folget hjir in priuwke: De Joun. Sjuch ris tocht ik, nei 't gewrimel Fen 'e stjerkes oan Gods himel; O! hja blinke oan 't blauwe skerm, As in gouden bijeswerm. 't Liek al goud, al fjür, al fonken, Dy't lyk as flamboukes blonken, Yn 'e hichte, tink ris nei, _ Tüzen yn ien molkewei! Tüzen kraeltsjes, tüzen gitsjes, Tüzen, tüzen gleone pitsjes Tüzen lampkes mear as sSn Stean yn ljochte laeije brin. Ringnalda. It Douwke fen Anacreon. Hwerhinne, ljeaf douwke, Dat giet eft 't hwet docht? De rook fen dyn wjukjes Rükt swiet troch de loft. Hwa jowt dy dfzz' balsem, Hwa biste, kom, siz? — Anacreon, stjürt mij: Climéne it nou is. A. W. Reddingius. Men moat tajaen, hjir giet de poëzije net yn brede weagens ef stoer rhytme. Hjir binne gjin Gysbert- ef Rixtfersen fen dünkere, gouden pracht, mar dochs komt it Frysk hjir op heger plan to stean as yn 'e almenakstikjes, dêr't de marseman mei sutele by de boer. Sjuch: G. A. Wumkes, Sjoerd Simon IJpma, yn Yn üs eigen Tael, 1915, bl. 78—84; H. J. Busé, Jelle Sipkes van Teerns, yn Doopsgez. Bijdragen, 1909, bl. 49—103; G. A. Wumkes, Martinus Theod. Laurman, yn tiidskrift Groningen, 1918, bl. 58—60; deselde, Yn üs eigen Tael, 1918, bl. 77—82; L. Grootaers en G. G. Kloeke, Handleiding bij het N. en Z. Nederl. dialectonderzoek, 1926, bl. 3; G. A. Wumkes, Wiepkje A. Reddingius, yn It Heitelan, 1923, bl. 134. ALBARTUS TELTING IT Fryske heitelan hat binnen syn swetten mear as ien plak, wijd troch greate oantinkens. Dêr is Boalsert mei it boarstbyld fen master Gysbert. Dêr is Grou mei it kopstik fen dokter Eeltsje. Dêr is Holwerd mei it grêf fen Waling Dykstra. Dêr is boppe-oan Frentsjer mei syn gouden tradysjes, it geastlik hert fen Fryslan. En Frentsjer kin men net tinke sünder de Teltings. Dit laech kaem yn oarsprong üt it alde Iselgoa, dat men rekkenje kin ta de Fryske sélannen. Al mocht de namme Saksysk fen foarm wêze, it bloed wier yn-Frysk, en mannich leat üt dizze stamme socht hedsel by de Fryske Alma Mater en bleau yn dat formidden hingjen. Sa kaem Albartus, de soan fen 'e stêdsskriuwer-notaris Isaac Télting en Maria Allardi, in prefesters-dochter, yn üs akadeemjestêd to wrald (11 Okt. 1803). Noch gjin saun jier ald forlear it boike al syn mem. For syn foarming hie er in boel to tankjen oan 'e heechlearaer J. W. de Crane, hwaens dochter syn styfmoer waerd. Hy droech him as in eigen pake djippe forearing ta. De libbensskets, dy't er him nei syn dea (1824) wijde, is in tear stik wirk. Boppe syn sarkstien woe er wol de wirden skriuwe fen de fromme Claudius: Drippe my fen seining, dizze man, As in mylde stjêr üt better wralden! Op syn 16e jier kaem er oan it Athenaeum. Hy waerd ü. o. in learling fen de forneamde Wassenbergh. Frentsjer hie noch syn beaken fen wittenskip, it „each fen Fryslan," lyk as ienris Sibrandus Lubbertus it neamde, dat men skieik ütdompe scoe. Koart foar syn dea skreau er net sünder spitigens: „Yn it oanbigjin hat hjir in gasthüs stien, dêr't earmen en siiken oppast waerden. Do toerke er in kleaster, dêr't fromme müntsen hjar devoasjes en tsjerkegebearten pliigen. Unforsjoens (1585) waerd dat in akadeemje fen biwittenskippe mannen, it salt fen 'e ierde. En hawar, nou is it in üntwyk for it smaekleas wirden salt, de waensin, de healwizens". (Vrije Fries, 1862, IX). Seis jier neitiid helle er de doktersbulle yn 'e rjuchten to Grins (1826). Do joech er him as abbekaet del yn Ljouwert, dêr't er ringen yn 'e kinde rekke mei in trits mannen, dy't mids de skierens fen it sljuchtwei. libben it herte ophellen oan letterkindich wirk. Hjar 1 ieder wier Mr. Arent van Halmaël (1788—1850), in great ljeafhabber fen skiednis, dichtkinst en toaniel, dy't ienris üt de müle fen Bilderdijk de lofspraek fornimme mocht: „Gean troch, jy binne Dichter!" Hy rjuchte yn Sept. 1819 in stüdzjeklub op fen tsjien leden, dy't de namme krige Constanter, sinspreuk fen Huygens. Dêrmei wiisde er daelk it selskip nei de gouden ieu fen de Nederlanske skriftekennisse. Doel wier, de klassiken ALBARTUS TELTTNG to bistudearjen: Vondel, Huygens, Hooft, Bredero, Cats. Men haldde dêr. sa't hja dat neamden, in bispegeljende bioefening oer. Elk lid krige op syn bar 130 rigels op om dy skriftlik yn proaza oer to setten. Hy stjürde syn wirk roun en de oaren skreaune dêr hjar opmerkings by. Neitiid waerd it hiele stik op 'e gearkomste foarlêzen. Om 'e oare wike hie men Moandeitojouns fen 6 oant 10 üre forgearring by de leden oan hüs. Men wier 10 man sterk. Fierders droech men eigen wirk foar en kocht alle Nederlanske dichtwirken oan. Dit selskip hat san foech 40 jier bistien. De 30e Sept. 1857 hawwe J. D. Ankringa en G. T. N. Suringar it to höf brocht en it archyf oan it Frysk Genoatskip oerdroegen. Mar yn syn béste jierren hat it in püster west, dy't nije gloede brocht* yn 'e sintels fen 'e Fryske smidte. Telting hearde mei de foarsitter, konrektor J. D. Ankringa, A. Deketh, Mr. J. Roorda, Robidé van der Aa, J. van Leeuwen en letter dr. Ottema en de ütjower Suringar ta de warberste leden. Nei it bisiik fen John Bowring, de geniale Ingelske taelkenner en diplomaet (10 Okt. 1828). krige Constanter in sterk Frysk-nasjonael stimpel. Telting fortaelde üt tankberens Bowrings reisbrieven en skets oer 'e Fryske skriftekennisse üt de Morning Herald fen 1828 en makke dy wraldkindich (Ljouwert. 1830). Van Halmaël hat yn dat formidden skraechwirk alle histoaryske stikken foardroegen, dy't er oan 'e Fryske stoarje üntliende. bygelyks: 1. Ats Banninga, Treurspel, Leeuwarden, 1830. 2. Adel en Ida, of de bevrijdingen van Friesland, Treurspel, 1831. 3. Aedo Aedes Jonghama, 1836 4. Radboud de Tweede, koning van Friesland, Treurspel, 1839. 5. De Schieringers en de Vetkoopers, Romantisch-Dramatische tafereelen uit de Geschiedenis van Friesland, in de 15e eeuw, 1841. Om it biwiis to jaen fen de Fryske ynhouten fen Constante, ow ik hjir inkele titels fen Frysk wirk, dat Telting dêr foardroech: Yn it stamboek (1827), De Rypster tsjerke (1828), Oon yen jong Famke az hjar ljeafste har aefstoarn wier (1829), It reade hndel inne ierzen kroan (1830). Oon uwz lytse jonge az er ien heal jier ad wirden wier (1831). Fen Ankringa scoe men folie greater opjefte dwaen kinne. En bitsjut dit hwet? Ja, men stiet hjir by dit earste knopjen fen nij libben. hokker bigjin men yn 'e skiednis fen üs skriftekennisse net oer 'e holle sjen mei. Gerard Tjaard Nicolaas Suringar (1804-84). in broer fen Willem Hendrik Suringar. stifter fen Nederlansk Mettray, waerd yn 1822 eigner fen in lytse boekhanlerssaek op 'e Kelders to Ljouwert yn *e Rotterdamske Erasmus, alear fen 'e widdou Altena. Hy wier de earste dy't iff izeren printparse yn Fryslan oankocht. Ta ien fen syn earste ütjeften hearde in „Almanak of Tijdwijzer berekend op de poolshoogte van Leeuwarden door Elte Mariens Beima." Dizze Beima wier in jongfeint üt Eastermar, dêr't in mathematyske en stjerrekindige kop op siet. Fryslan's Gouverneur Jhr. I. Aebinga fen Humalda frege him for de birekkenings en teikeningen fen 'e eklipsen, dy't yn it almenak meidield waerden, en dy foldiene him sa SNUYV8R ^£4Oé*#0tmtfr e^U -CC*t£s *£4>*lC- in ik lid wirden fen alderlei genoatskippen. Op dizze groun mien ik rjucht to hawwen om it wird to nimmen." Ja, dizze edelman hie in heech selsgefoel. En ünbarmhertich koe syn krityk wêze. Yn datselde fluchskrift flymje dizze skerpe wirden: „Lyk as jimme witte, hat hjir in femylje it biwald, dy't ünder de oansjenliksten fen Dütsklan rekkene wirde kin en troch hjar steatkindige rölle mear as twa ieuwen foaroan stiet. Dizze posysje makke it hjar ta in plicht om safolle as it kin de bilangen, dy't hjar tabitroud binne, to bihertigjen. It is fen bilang sa'n Oranjefemylje to hawwen. Mar ho stiet it mei de öffirdigen fen üs folk? De forkiezingen binne aldertreurichst. Der binne tofolle poppen by, dy't om in sür gesicht, om lintsjes en posten bügeminten meitsje foar in menister. Party binne alhiel forbouwerearre by it sjen fen in staesjerok. Hja hawwe üs lan oan 'e ranne fen 'e ófgroun brocht." En nou de Katholyk. Do't er de akadeemje forliet, wierne de Katholiken noch net yn tel. In pear ieuwen lang hie men hjar keard fen alle iepenbiere ampten. De greate kathedralen wierne hjar üntnomd; allinne yn earmtlike tsjerken kamen hja gear. Yn 'e miene kultuer sprieken hja net mei. De iennige wittenskiplike mannen Ünder hjar wierne de geasdiken en inkelde medici. De rest hearde likernöch ta de lytse ljue. In ütsündering hjirop makken de Hettema's, dy't in heger geastlike en maetskiplike posysje ynnamen as it measte part fen hjar geloofsgenoaten. Montanus kaem üt in Frysk femylje-formidden fen heech kultuerlibben. En de Romantyk brocht him yn in nij klimaet fen helen en tinken. Hy seach de moaijens fen Fryslan en fen de Fryske stoarje. Hy wier üt 'e skroeven oer de hearlikens fen 'e Katholyke middelieuwen. Sa waerd yn him it leauwen wekker oan in nije takomst fen Roomsk Fryslan. Dêr kaem yette hwet by. Troch de pauslike bul „Quod jam diu" fen 1827 waerden de godstsjinstige bilangen en tsjerklike rjuchten fen 'e Nederlanske Katholiken neijer regele. Al bleau dizze oerienkomst mei it Nederlanske gouvernemint yn it earstoan sünder krêft troch de heibel mei België, letter liet de ütwirking him danich hele. De Nederlanske Katholiken waerden nou tichter oansletten oan de algemiene tsjerke. De for Protestanten haetlike sizwize in partibus inhdelium (yn 'e kriten fen 'e ünleauwigen) haldde op to bistean. Dêr kaem frijheid ta it ynstellen fen bisdommen en it oprjuchtsjen fen seminaerjes. In hopen Protestanten sloegen do alaerm. Mar de Roomsken koene tofreden wêze mei de stan fen saken. En Hettema stie op as pionier for de Fryske Roomsken. Him komt de eare ta Roomsk Fryslan it earst in Jaarboekje voor de Catholyken (1834 en 1835) jown to hawwen, dat yn wird en byld tsjinne om de ropping as Katholyk oan to wizen en de ljeafde for de hillige Tsjerke oan to wakkerjen. It almenak haldt yn: in öfbylding fen Bonifacius' stanbyld yn Fulda en fen de Bonifacius-tsjerke to Ljouwert, Herders in rige fen feest-, tsjerke- en festeldagen en in lyst fen 'e Katholike geastlikheid yn Fryslan, en dêr efter Mingelwirk. Hettema skreau der in pear apologetyske stüdzjes by oer it sakramint fen 'e bycht en oer it Katholicisme lyk as it is en wêze moat. Syn frjeonen A. van Halmaël en W. Eekhoff leveren histoarysk en poëtysk wirk for it jierboekje. Yn deselde geast as dit almenak skreau er syn brosjure Het Concordaat. Ljouwert, 1841. dy't de Katholiken oantreastge om stadichwei troch to gean neffens de foarskriften fen hjar godstsjinst en om de roerige Protestanten del to bêdzjen. En nou Montanus as gelearde. De tUdsomstannichheden wierne for de jonge Frisiast boppemiette ginstich. Yn 'e léste heite fen 'e 18e ieu waerd yn Jerope in ynlike ljeafde wekker for de foltseigenheden. Mei iver bigoun men to sükjen en to sammeljen. Yn 1762 joech Macpherson syn Ossianske dichten üt en skieik folgen bondels foltslieten fen Percy yn Ingelan. fen Abrahamson, Nycrup en Rahbek yn Denemarken, fen Afzelius yn Zweden en fen Herder yn Dütsklan. Nei de Franske tiid sloech de löge yette ffileindiger üt en om 1830 hinne wier it allegearre libben en tier op it wide fjild fen de Germanistyk. Elias Lönnrot reizge lans iensume boerkerijen om de foltspoëzije fen Finlan op to spoaren en de ütkomst wier syn Kantele yn fjouwer dieltsjes (1829—31). It grounlizzende wirk for de kennisse fen de ganske Germaenske taelskat kaem üt: n.1. Grimm syn geniale Deutsche Grammatik (Göttingen 1829—37), dêr't de kiem yn laei fen alle avensaesjes, dy't de histoaryske taelstüdzje letter makke hat. Under ynhoed fen dizze wittenskiplike werberte teach Hettema oan it wirk. Hy kearde him nei it Noarden en stoarre oer 'e' wide sé, hwaens salte amme de foltsen oan syn iggen sterke, en hwaens ivige sang hjar treast wier. Do seach er it Fryske folts net as in stamme öfsündere en öfskaet fen de wrald, mar as in lid fen de greate Germaenske foltsemienskip, en bisibbe oan Skandinavië. Sa waerd hy ien fen 'e earsten, dy't de Fryske kultuer rekkene by de Anglo-Skandinavyske en dy't de Fryske foltsgeast yn de nauste forbining brocht mei de Noarske. Sa is it to forklearjen. det hy trochstreeks brieveforkear en persoanlike mienskip hie mei de greate Noarske baenbrekkers op it gebiet fen tael-, skiednis- en aldheidkinde en det er hjar wirken fruchtber socht to meitsjen for syn Fryske stüdzjes. Yn 'e earste pleats moat hjir neamd wirde de Deenske Germanist Rasmus Kristian Rask (1787—1832), samler fen 'e Yslanske saga's, biwirker fen 'e Edda's, Ontdekker fen 'e klankforskouwing. Dizze drege taelkenner foun it Frysk in alderwichtichste tael, dy't yn deselde forhalding stie ta it Hollansk as it Yslansk ta it Deensk, it Angelsaksysk ta it Ingelsk en it Latyn ta it Italiaensk. It die him nij, det de Hollanske learden sa koel foar de tael stiene, dy't ien fen de oarspronkelikste wier fen Jerope en dy't it langst hjarsels allyk bleaun wier mank alle Germaenske spraken. Rask studearre den ek iverich it Fryske spraekeigen en rjucht. Hy wier üt 'e skroeven, do't er yn 'e akademyske boekerij to Helmstad in kodex fen it Emsiger lanrjucht foun. Fierders moatte hjir to boek stean de Yslanske archeoloog Finn Magnusen (1781 — 1847), kenner fen it runeskrift, en Karl Christian Rafn (1795—1864), bioefener fen 'e Noarske poëzije en skiednis, ündersiker fen 'e êld-Skandinavyske heltedichten, dy't ek it biwiis socht to leverjen, det de Noarmannen yn 'e 10 ieu Amerika üntdieken. Hettema krige yn 1826 it tiidskrift De Weegschaal yn hannen dêr't Frisisk Sproglaere fen prefester Rask yn oankindige waerd. Hy koft it wirkje, learde Deensk en forrike syn kennis mei dit geskrift. Hy hie der sa'n nocht oan, det er it oersette, en mei oanmerkings formeardere ütjoech as Beknopte Handleiding om de Oude Friesche taal gemakkelijk te lezen en te verstaan. Leeuw. 1830. Fen Finn Magnusen fortaelde er Den forste November en Historisk-Kalendarisk Undersögelse, twa op¬ stellen üt it tiidskrift fen it Noarsk aldheidkindich Genoatskip, Kopenhagen 1828. It earste seach yn 1835 by L. Schierbeek to Ljouwert it ljocht. Fierders fortaelde er de Antiquitates Americanae fen Rafn, dêr't er forslach fen joech yn de Gids fen 1854, no. 10, en fen kening Frederik VII in foarlêzing oer De Hunnebedden. Op welke wijze in den ouden tijd gebouwd? Ljouwert, 1863. Yn 'e Konst- en Letterbode, 1832, die er wichtige meidielings oer it keninklik Genoatskip fen Noarske aldheidkinde to Kopenhagen, dêr't er mei ds. Rinse Posthumus en ds. J. H. Halbertsma lid fen wier. Yn de Vrije Fries, dl. VI, 1846, krige plak in paedwizer for it opgraven en biwarjen fen Aldheden, in oersetting fen it Deenske Oldslager og deres opbevaring (1831). Sa hat Hettema de Deenske literatuer tsjinstber makke for de heitelanske saek en dizze op breder foet steld. Om utens wist men den ek syn fortsjinsten to wardearjen. Mei noch saun Europeeske learden, dêr't Jacob en Wilhelm Grimm by hearden, wier er lid fen de Ingelske Philological Society. Yn de wirken fen dat Ynstitüt skreau er it opstel Hints on the thesis: The Old-Friesic above all others the RASMUS KRISTIAN RASK fons et origo of the Old-English, 1854. Foar alles lykwols wier en bleau Hettema jurist. Hy roun heech wei mei de Wet. Yn syn brosjure Het stemrecht in Nederland, Dokkum, 1840, sprekt er de gouverneur fen Fryslan, Maurits Pico Diderik baron fen Sytzama mei dizze wirden oan: „De skiednis wol, det Jy fen it oerald slachte fen de Botnia's in sprüt binne en sibben ha fen keninklik bloed. Dy skiednis scil Jo leard ha, det der yn us Fryslan alear potestaten west ha. Bring Jo tobinnen, hwet hja altiten for üs west ha, ho't hja üs bilangen bihertige ha. Biachtsje dit, folgje hjar foarbyld, mar forjit net, det Jy ek oare plichten nei to kommen ha. Wy hawwe nou oare brükmen, oare seden, oare wetten. Wêz, lyk as alle Friezen wierne, slaef fen 'e wetten. Wy ommers hawwe seis meiholpen se to meitsjen en binne dos ek halden se slaefsk to folgjen, as wy üs eigen wirk net de boaijem ynslaen. En Jy witte it, det de slaef fen 'e Wet in frij man is. Jy witte, det wy Friezen üs libben for it yn stan halden fen 'e Wet oer ha. Folgje hjar foarbyld. Lear de Friezen slaef fen 'e wetten to wirden, den meitsje Jy se frij en lokkich en scille se, lyk as by aids, hjar freugdegjalpen mingelje yn de sa djürljeave wirden: Eale Frije Friesl Hettema hie greate biwündering binammen for de alde Fryske wetten, dy't er in pronkstik fen soun forstan, fen rjucht en binlikens neamde en for de béste wetten fen 'e noutiid net hoechden ünder to dwaen. Syn spoaren hat er op dit gebiet fortsjinne en syn namme kin hjir neamd wirde nést dy fen Dr. Karl Freiherr von Richthofen. De stüdzje fen it libben foltsrjucht smiet yn dy dagen hege eagen op. Jacob Grimm weardearre yn it alde Dütske rjucht de kleurige tael en symbolyk, dy't it foar hie boppe it Romeinske rjucht. Yn 1827 sette er him ta it skriuwen fen syn Deutsche Rechtsalterthümer en yn 1828 wier it klear. In boek fen in foech tüzen blêdsiden. En hokker blêdsiden 1 Gjin rigel, dy't sünder stüdzje delskreaun is en net rêst op ünbidige bilêzenheid en feitekennisse. Dit boek waerd in spoarslach ta nije ündersikings. En mei in baenbrekker as Grimm foar eagen rekke ek Hettema yn it spier. Hy makke jacht op alde perkeminten. En it wier do yette de gouden tiid. Men koe do noch for in apel en in aei charters en brieven bisette. Der koe gjin adeüik hüsarchyf ünder 'e hammer komme eft Hettemajwier ien fen de earste gadingmakkers. De 12e Novimber 1833 skreau er oan J. H. Halbertsma: „It saneamde Fivelingoër lanrjucht is jistermiddei myn eigendom wirden, ik skriuw it al üt. Ik haw it üt de boedel ten Wierdsma mei oare stikken krige en ek de Eanjummer printinge fen 'e Alde Fryske Wetten, in moai eksemplaer, Éérders boete-registers fen it Charterboek ensfh., sadet nou in bul te for fornieling biwarre is. Ik haw ek de pompieren fen de Rotte, mar dy binne for my fen minder bilang, lykwols for de skiednis alderwichtichst. Op 6 Jan. 1834 skreau er oan deselde: „Hjirby inkelde pleatsen üt it Jus comitatus Frisiae, dy't my tsjuster binne. Jerne fornim ik dêr Jins miening oer. Ik forstean se noch net goed. Det ik de pompieren fen Schwartzenbergh krije scil, witte Jo." Hy krige yn von Richthofen op it jachtfjild in sterke partuer. Dizze bireizge yn 1834 dizze noardlike kontreijen mei it doel om for in nije folsleine ütjefte fen Aldfryske rjuchtsboarnen alle nedige stikken op to spoaren en to ündersükjen. Fjouwer moanne neitiid gie er op hüs oan mei in swiden foarrie boustoffen en nei seis jier bodzjen kaem yn 1840 syn tekstütjefte, de bikende Friesische Rechtsquellen yn it ljocht. folge troch syn Wirdboek. Yn Oktober 1834 wier er by Hettema om twa hanskriften fen it Hunsingoër lanrjucht yn to sjen. It moast wol hwet flechtich tagean, sadet de ütjefte fen dat rjucht oan sekurens to winskjen oerliet. Dr. KARL FREIHERR VON RICHTHOFEN Hokker fruchtber rjuchtshistorikus Hettema wier, kin blike üt de neifolgjende tekstpublikaesjes: 1 Leeuw. 1830, dat er ütjoech nei in hdnskrift fen Mr. P. Wierdsma to Ljouwert en foarseach fen in Hollanske fortaling en oanteikenings; 2°. De Jurisprudentia Frisica, Leeuw. 1834, ütjown nei in manuscript fen deselde eigener. Mr. A. van Halmaël, syn frjeon, dy't nea net lid fen it Frysk Genoatskip wirde woe, mar dy't in Frysk Genoatskip op himsels foarme, sündere eltse wike inkelde üren öf om mei Hettema it hanskrift troch to lézen en to bisprekken. J. Halbertsma soarge for rjue ynteikeners, en Bosworth, de biwirker fen it Angelsaksysk Wirdboek, gie nei Ingelan en socht dêr keapers to krijen. Dit Westergoër Wetboek kaem yn 'e pleats fen de êlde Fryske wetten en it Jus municipale Frisionum en moast letter wer it plak romje for it Lanboek fen Keimpe Martena. Foarige eigeners fen it manuscript wierne Bendix Hero'ssoan, pastoar to Frentsjer, Jid fen it Höf fen Fryslan, Jhr. Roorda en Jhr. Upke fen Burmania. De tekst is tige wichtich for de kennis fen it Frysk yn 'e 15e ieu en for it bianderjen fen de fraech yn hofier it Romeinske rjucht hjir krêft fen wet hawn hat. 3°. Het Fivelgoër en Oldampster Landregt, 1841; 4°. Het Hunsingoër Regt; 5°. Jus Municipale Frisionum. De beide léste meitsje in diel üt fen de wirken fen it Frysk Genoatskip yn 'e jierren 1846— 1851, dêr't ek yn foarkomme De Lex Frisonum, it Rustringer, Broekmer en Emsiger rjucht, allegearre ünder 'e titel: Oude Friesche Wetten. Von Richthofen en Hettema diene to'n neistenby itselde wirk. Hwa it bést de alde codices lézen hat, scil de tiid leare moatte. Het Emsiger Landregt van 1312, V^k 0ntfcr ffl toottlitth tarnt Jl f ftnaofr ffltftiln flwfl ttia oir rmuThrt» irfF nm omrmtm ttnlifrrrnnr rmitrmilmlf ui> flutonmtit fa 19 mpnüffli' t ïïrtotrb totfUmtatmft ante hm fofoHifthtf tofintw JLJ%^mturitmnfr attmun timr :{mFljmf tart) irfHiflflmrti irtrim tiöm miriirtm-fbar öji mtlitmirttlnm frtirtmhfiwi ftBbrürotnlpro anrnrMttfllr lau ftuü ttwttJt nmftrftrlwin htmttmhitttmntOrfltoihftmr 1» »titulf wi (umêth _ Blêdside üt in codex fen it Emsiger lanrjucht JE nxMm fljfemtsrlïr kmtext? l|| r,iin»|epuhf- urtata» lufhna tmcam «mmuiïhtir oMmnut.-'. K JCT"ir »«feww wc iwalfHwJonfo |t la wt Iwwtt^finc Wener, at* lam tbi ftorna rt)rr ro rcmr kcncngm: mxtn ■ juto rrot> icfmwft ma ftcncnttnto rijer 1fïk vfe» S«crh nnfiW. m& iPriïü rnirfer. rhcr imrhf hrewalfmchiardwriJÖiidfcf ra fok fonrtrvptii Icmw rirour rtmw rata Ic .ar* of rterc wit» wftrnf SS ufrfm. fha hriw«rcft^lt bram Twa blêdsiden üt in codex fen it Hunsingoaër lanrjucht. Yn elts gefal is forliking fen de teksten needsaeklik. Nei Mr. Wierdsma syn dea koft Freiherr von Richthofen forskate hanskriften en brükte derby W. Eekhoff as hantlanger, dy't yn dit stik fen saken mear as keapman den as Fries towirk gie. In skat fen wichtige codices is do for Fryslan forlern rekke. En von Richthofen biwarre op syn kastiel yn Silezië dy skat for himsels. Do t Dr. F. Buitenrust Hettema yn 1885 en in poaske letter Mr. A. Telting him forsochten dizze dokuminten ynsjen to meijen, is hjar forsiik net ienris biandere. Nou kin elkenien se rieplachtsje yn 'e Provinsiale Bibleteek. Yn 1923 binne hja for f 15.000 it eigendom fen 'e Provinsje wirden troch meiwirking fen pref. dr. P. T. F. C. Siebs to Breslau. De Haan Hettema wier noch drok dwaende mei syn ütjefte fen de ülde Fryske Wetten, do't in oare wichtige publikaesje syn piiine yn biweging brocht, n.1. fen de Beniflcaelboeken van Friesland, Leeuw. 1850. De archivaris fen Fryslan, J. van Leeuwen, wier op lést fen it Provinsiael Bistjür biwirker. It sprekt fensels, det dizze skiedboarne, dy't in skat fen bisünderheden oer de dotiidske steat fen lanbou en de Fryske topografy bifettet, kost for Hettema wier. Hy hie yn 1844 al kopy nomd fen de bisteande hanskriften. Van Leeuwen frege syn meiwirking, mar dêr-kaem net folie fen. En do't Hettema in printe eksemplaer yn hannen krige, üntdiek er inkele flaters. De krityk, dy't er do skreau yn 'e Ljouwter Krante (19 Nov. 1850) wier skerp en bifette in lyst forbetterings. Mr. J. H. Beucker Andreae fordigene lykwols de ütjefte, hikele de wirkmenear fen Hettema en neamde him in warholle. Hy helle ek noch Dr. E. Epkema yn it debat en biwearde, det dizze him minder ginstich ütlitten hie oer Hettema's biwirking fen it Emsiger Lanrjucht. Archivaris van Leeuwen haldde fensels syn ein fêst en fordigene syn publikaesje yn de brosjure De uitgave der Beneflcaalboeken van Friesland verdedigd tegen de z.g.n. Kritiek van Jhr. M. de Haan Hettema (Leeuw. 1851). Datselde jier reizge Hettema op it foarbyld fen ten Broecke Hoekstra, Bowring en Abel Siccama nei Oxford om de Juniana yn de Bodleyaenske. boekerij to bistudearjen. Hy seach dêr de codex Unia, dy't letter Siebs ütjaen scoe, en de kostbere manuskripten fen Gysbert. Op de weromreis noaske er to Brussel yn 'e brieven fen Joachim Hopper oan Wigle fen Aytta. Troch de stüdzje fen it aldfrysk rekke er dêr sa yn Bodders yn 'e Fryske Striid 32 trochkru.pt, dat er yn dy tael de twadde epode fen Horatius De lof fen ït lanlibben üt it Latyn oerbrocht en in birime grêfskrift makke „uppa the ethele and Fria Frisia Jr. S. H. Roorda fen Eysinga" (f 27 Okt. 1829). Sjuch Frije Fries, 1839, bl. 296— 301. Pref. Dr. P. T. F. C. SIEBS Hettema wist net allinnich it alde rjucht fen de Friezen to weardearjen, mar alle uteringen fen it Fryske foltswêzen mei it boartlike sinneljocht, dat der yn strieiet. Sa rekke er oan 'e stüdzje fen 'e Fryske foltskinde. Mei dit doel reizge er yn 'e simmer fen 1832, biselskippe fen syn frjeon ds. Rinse Posthumus to Waeksens, oer Grins, Nije Skans en Weener en do fierder to foet lans Ihrhove nei it doarp Ramsloh fen de Sagelter Friezen. Dêr bleaunen hja in wike om ündersikings to dwaen nei de tael, skiednis en seden fen dit lytse, oarspronkelike folts. De ütkomsten fen dizze reis binne dellein yn it yette altiten wichtige boek Onze Reis naar Sagelterland, Franeker 1836. In selde stüdzje wier al earder ündernomd yn 1798 troch Johann Gotfried Hoche, rintmaster fen Freiherr von der Horst by Minden, in gemoedlike Dütsker, dy't in brede sköging hie op minsken en tastannen en de ynhaldrike reisbiskriuwing Reise durch Osnabrück und Nedermünster in das Saterland, Bremer, 1800, skreau. Beide boeken folje inoar moai oan. Do't Hettema ienris each krige hie for it forskaet fen Fryske dialekten, moast er ek yn dat hskwetter syn netten ütsmite. Yn 1838 haldde er ta op Helgolan om üt de foltsmüle alderlei brokken folkstael op to teikenjen en joech dy plak yn De Vrije Vries fen 1839. Do't de Helgolanner kaptein F. A. Heyckens in petear twisken in ploech loadsen yn de tael fen syn eilan ütjoech, brocht er dat ünder 'e eagen fen de Friezen yn it Fryske Foltsalmanak fen 1845, bl. 8—19. En do't in froumins fen Wangereach oan Dr. H. G. Ehrentraut to Jever for it Friesisches Archiv (Oldenburg, 1847—49, L bl. 414—416), in biskriuwing fen dat Waddeneilan joech yn de geaspraek fen dat ald stikje Fryske groun, waerd dit troch syn tadwaen mei in forklearjende wirdlyst opnomd yn it Fryske Foltsalmanak fen 1850. Ek de Noardfryske eilannen, dy léste earmtlike oerbliuwsels fen in ienris sa bloeijende lansdouwe, bireizge er for syn dialektstüdzje. It forkear ünder de biwenners fen Amrum en Sylt oertsjüge him, det dit echte Friezen wierne fen itselde aert as syn eigen lansljue. Sa frissele er syn Frieske, Hilgelaonner en Noardfrieske Rymkes, Dokkum, 1841, in rüker fen dit eilanblomte, mei hwet Frysk rymwirk üt alde almenakken, gear. As historikus naem Hettema in hiel eigen plak yn. Hy wier in fijan fen de plattrape paden en pandere ljeaver seis nei de boarnen, net it minst nei dy fen de bisibbe Noarske foltsen om dêr fen syn gading yn it bilang fen 'e Fryske skiednis üt to skeppen. It bisaude him tige, det nimmen opstie om in nije timpel fen Fryske stoarje to bouwen. De historici fen alear lieten safolle yn it formidden en foldiene net mear oan 'e easken fen 'e tiid. Sa hied er troch syn kennis fen 'e Noarske boarnen in eigen tinkbyld oer de ynfal fen 'e Noarmannen. Dêr seach hy hiel hwet oars yn as wylde stroperstochten. Syn sizzen wier, de Noarmannen waerden fiersten to swart en haetlik öfmiele. De Noaren en Friezen hiene yn 'e Romeinske tiden al stéfêst frjeonskiplik forkear en dy ynfallen hienen in polityk-religieus doel. It wier de léste, fülbandige wrakseling fen Germaensk heidendom en Frankysk Kristendom. De Denen sprongen de Friezen by, mar dizze waerden dochs it bern fen 'e rekken. De Karolingyske foarsten, dy't hjir sims Noarske greven oanstelden, meast fdrdreaune bistjürders, wisten troch hjar oermacht Fryslan werom to krijen. Hettema hie ek syn tinkbylden oer de Upstalbeam by Aurich. Dat wier — sei er —■ gjin mien landeiplak fen de alde Friezen. Elts gea hie syn upstalbeam. En mei krêft fen arguminten bistried er F. D. Wiarda's Von den Landtagen der Friezen bei Upstalboom, Bremen, 1777, 2e pr. 1818. Sa gie it ek mei de Middelsé. Hy wier it lang net iens mei P. Brouwer, Ottema en Eekhoff, dy't ündersikings diene nei de lizzing en foarm fen dizze séboezem. En yn de Sleater-, Tsjüke- en Hegermar seach er oerbliuwsels fen 'e Flevomar. By syn stüdzjes yn Fryske skiednis waerd er mei van Halmael hwet langer hwet mear oertsjfige, det de skiednis fen 'e Fryske adel alderwichtichst wier for de stoarje fen Fryslan. Op dat fjild moast men de driuwfearen kennen leare fen 'e rölle, dy't de liedende hguren op it greate toaniel fen it lan spüe hiene. De 25e Novimber 1842 kaem it prospektus yn it ljocht fen Stamboek van den Frieschen adel. Do laei it hanskrift for de parse ré, mar nije ündersikings en in fracht nije boustoffen makken omwirking needsaeklik. En foar en alear men ta printsjen oergie, waerd alles yetris oereide om sa folslein en sekuer müchlik foar it ljocht to kommen. As ea oan in boek bilangleas wirkkrêft, moeite, kosten en tiid spandearre binne, dan is it oan de swiere folianten fen dit boek. Yn 1846 mochten de skriuwers it wirk, dêr't 125 eksemplaren a f 70 fen printe binne, pleatst sjen. It scil oant fiere slachten wearde halde for de Fryske genealogy. Oer de riedlings en dwylpaden fen it Oera-Linda-boek hat Hettema ek syn wird mei- spritsen. It sizzen wier, Dr. E. Verwijs krige in bondel losse blêdden hanskrift fen C. over de Linden, rykshellingbaes oan 'e Helder. Hjerstmis 1869 stjürde er dy nei it BistjOr fen it Frysk Genoatskip. Johan Winkler hie der forslach oer üt to bringen en stie yn tWivel. Dr. J. G. Ottema roun der heech mei wei as in iepenbiering üt de Fryske oertiid. De He Juli 1870 makke de Ljouwter Krante de saek wraldkindich. Bigjin Septimber krige Jhr. Hettema fen it manuskript trije blêdden yn foto ünder 'e eagen by Mej. Matthijsen en daelk stie er oan op in ütjefte fen it hiele boek. Dr. Ottema joech do yn 'e Ljouwter in fragmint fen it O. L. boek (10 Sept. 1870). Twa dagen letter neamde Gerben Colmjon yn itselde blêd „it boek fen Adela" in fordichtsel. Dr. Ottema hanthavene it tinkbyld fen echtheid en yn 1872 joech er üt Thet Oera-Linda-bók, naar een handschrift uit de 13e eeuw bewerkt, dêr't de heimnissen noch net fen üntriedsele binne. De leste publikaesje fen Hettema, dy't nei syn dea yn it ljocht kaem, wier it Idioticon Frisicum, Friesch-, Latijnsch-Nederlandsch Woordenboek, Leeuw. 1874. Tidens in heale ieu hie er for himsels in heet wirden üt alderlei Fryske stikken opteikene. Al yn 1832 kaem fen him üt Proeve van een Friesch en Nederlandsch Woordenboek. Dit wier de foarrinner fen it Idioticon, in boek dat systeem mist yn it rangskikken fen 'e wirden, mar dat dochs wer somlike dingen hat, dy't men net fynt yn it standertwirk fen von Richthofen. It iene wirk follet it oare oan. For it bioardieljen fen dizze wirdboeken moat men net forjitte, det men hjoeddeis better helpmiddels hat as alear en ek swider materiael. Bygelyks bifetsje De Oorkonden der Geschiedenis van het St. Anthony Gasthuis te Leeuwarden, ütjown troch W. Eekhof yn 1876, in skat fen Fryske charters. Ek wachtsje yette alderlei oare hanskriften yn archiven en boekerijen op biwirking. Yn it koart, de taelskat fen 'e alde Friezen wirdt noch üt de Haan Hettema noch üt von Richthofen syn wirken, suver en foldwaende kend. Dêrta scil men better toseil gean op it greate sammelwirk fen rjuchtsoarkinden, dat P. Sipma biwirket en by M. Nijhoff yn 'e Haech forskynt (1927). Allykwol, Hettema hat op lexikografysk gebiet syn fortsjinsten, as samler fen skoander materiael for it muséum fen it aldfryske taelidioom. De forneamde Jos. Scaliger makke ienris in epigram In lexicorum compilatores, dêr't er yn seit: „Hat immen it swierste founis fortsjinne, straf him den net mei twangarbeidzjen yn it tichthüs ef yn in koalemyn, mar lit him wirdboeken skriuwe." Dochs hat Jhr. de Haan Hettema dit moeisume wirk ütset en it wier him in saek fen formeits. Tael wier him gjin deade stof, mar in libben foltseigen bisit, dêr't er al syn geastkrêft mei izeren hyt en stanfêstens oan wijde. De jierren kleaunen, de krêften minderen, mar hy haldde hoek. Hy hie de tiid. Hy socht, hifke, skifte,.oerwoech. En wis, hy forsinde him ek, mar hy hat hwet birikt, dêr't men op foartbouwe moat. Hy wachte net op meiwirking fen Steaten ef Ryk, mar arbeide op eigen manneboet for de tael fen Great Fryslan, dêr't in drövich needlot, troch al de ieuwen hinne, op like to lizzen, omdet it in folts wier fen dreamers en kibbers. Lykwols hy bodde sünder greate wirden, sünder holle rombom, troch. Hy hie syn idealen dy't de koers fen syn stribjen bistjürden. Dy idealen binne net forwezendike, dêrfor skeaten syn krêften tokoart. Mar syn ljeafde for Fryslan, syn wirkdiedige ljeafde, wier great. Syn wird: „Myn Fryslan lokkich to sjen is ien fen myn sw iets te fornoegens; dêr haw ik alles for bisocht to dwaen, hwet yn myn formogen wier," hat er bifêstige mei syn libben, dat swier gie fen bodzjen. Syn boeken en in skat fen hanskriften yn 'e Prov. Bibleteek binne dêr it biwiis fen. Sjuch: Annales géhéalogiqnes, 1875, bl. 197; F. Buitenrust Hettema, Bijdr. t. h. Oudfriesch Woordenb. 1888; Het Katholiek Nederland, 1813—1913, Ter blijde herinnering aan het eerste eeuwfeest onzer nationale onafhankelijkheid, 2 din. 1913; For Roomsk Fryslan. Tiidskrift fen it Roomsk Frysk Boun, 1917—18; Q. A. Wumkes, Ta oantinken fen Rasmus Kristian Rask, yn It Heitelan, 1925, bl. 486—87; C. Borchling, Karl Otto Johannes Theresius Freiherr von Richthoven, bedeutender Rechthistoriker, (1811—1888), yn Allgemiene Deutsche Biografie, LUI, 346—353; H. Brunner yn Zeitschr. der Savignu-Stiftung für Rechtsgeschichte, Bd IX, Germ. Abth. s. 247. J. G. Ottema, Geschiedkundige Aanteekeningen en ophelderingen bij Thet Oera Linda Bok, Leeuw. 1873; J. Beckering Vinckers, De onechtheid van het O. L. B. aangetoond uit de wartaal, waarin het is geschreven, Haarlem, 1876; F. Bezemer, Nieuws uit oude boeken, bl. 141—159; C. P. Burger, opstel yn Het Boek, tijdschr. voor Boek- en Bibliotheekwezen, 1907 en 1916; L. F. over de Linden, Beweerd maar niet bewezen; deselde, Aanvulling van de brochure Beweerd maar niet bewezen; P. C. J. A. Boeles, Johan Winkler's nagelaten geschrift over het O. L. B. yn de Vrije Fries, 1917, bl. 32—53; G. A. Wumkes, Frymitselarij en Oera-Linda-Boek, Snits 1923, mei folsleine literatueropjefte; J. J. Hof, It geheim fen it Oera Linda Boek, yn It Heitelan, 1923, bl. 219,230,242,255,266; deselde. De Stand der O. L. kwestie, Leeuw. Nieuwsblad 10 Juli 1926; C. P. Burger, Het Oera L. B. en dr. E. Verwijs, yn Leeuw. Nieuwsbl. 21 Aug. 1925; M. de Jong Hzn., Het O. L. B. yn Groene Amsterdammer, 25 Juli 1925; 26 Sept. 1925; deselde, Waarom Verwijs niet? yn Leeuw. Nieuwsbl. 23 Sept. 1925; H. Wirth, De uithangborden en andere zinnebeeldige teekens in Friesland en het óud-Friesche geloof, Bolsw. Cour. 19 Dec. 1922; deselde, Het O. L. B. yn Groene Amsterdammer, 12 Sept. 1925; A. Zijderveld, Het O. L. B., Gr. Amsterd. 8 Aug. 1925; M. de Jong Hzn., Johan Winkler en het O. L. B. yn Vrije Fries, dl. 28, III—127. F. v. Richthofen, Upstalbeam, Freiheit und Grafen in Friesland, Th. 1 fen Untersuchungen über Friesische Rechtsgeschichte; J. J. Hof, De De Opstalbeam, yn It Heitelan, 1925, bl. 112—160; D. Kalma, De aldfryske wetten yn Fryslan werom, yn Slj. en Rj. 1923, bl. 609. HANSEN Sr. en Jr. GJIN lan is yn it forrin fen 'e ieuwen sa forsnien en forkwansele as de ald Friezengoa. Politike oermacht en wapengewelt hawwe üt inoar skoerd hwet byien hearde. De frede fen Versailles joech it léste tragysk bidriuw. Yn namme fen in nije gerjuchtigens waerd Noard-Fryslan yn twaën knipt. Om de machtige steat fen Wilhelm en Bismarck in knoei to jaen moast it noardlik stik by Denemarken. Ja, Dütsklan rekke Tondern kwyt. For holang? Dat scil de tiid leare. It léste wird is yn dit bidriuw noch net spritsen. Dit stiet fêst as in klip yn sé, det nimmen strafleas de siel fen in folk tamtearret. It is nou goed fyftich jier forlyn, det Dr. K. J. Clement yn syn boek Schleswig, das Urheim der Angeln und Friezen, Altona, 1867, in protest tsjin de tantaesje fen syn Noard-Fryske heitelan hearre liet. „O myn kastijd lan," — sa skreau er — „ho faek en ho lang haw ik dy warsköge dy net forliede to litten om dyn Friezendom oan 'e fijan priis to jaen. Dou halddest net fêst oan dyn rjucht, doste it skealik skaei üt it Noarden yn dyn gebiet traepje lietst. Hwent neffens ald-Frysk rjucht mocht gjin Deen him frij pp Fryske groun deljaen. Nou is alles yn Deenske macht en de einierde wirdt oan 'e kant set. By alles hwet de minske en it folts hillich is en hillich wêze moat, biswar ik jimme üs foarfaers erfskip, — it léste dat üs oerbleau — to hoedzjen en to noedzjen en oan jimme bern ünskeind oer to dragen. Ik wol yn bitrouwen op it himelsk Albiwald, oertsjüge det er forjilding is for itjinge misdien is, iepenlik protestearje tsjin it skandael fen de tael- en foltsfordylging yn myn Sleeswyks heitelan. Mar myn hope is op Ingelan. Hwet is natuerliker as det de bineare mem hjar keart nei de dochter?" De Ingelske polityk lykwols liet it Deenske imperialisme gean. En neitiid waerd Noard-Fryslan de boartlape fen de izeren kansier. En nou sit Denemarken wer oan it roer. Hwennear scil dizze Friezengoa oan 'e ein fen it lijenspaed reitsje en frij wirde? Noard-Sleeswyk gie de 10e Febrewaris by de folksstimming for Dütsklan forlern. De pro-Dütsker's koene mar 25 pCt fen 'e stimmen hel je. It Denendom hie herwei de oer han. Freget men nei de oarsaek, den komt men tolanne by in greate persoanlikheid, by de ynfloedrykste hguer yn 'e Deenske tsjerkestoarje fen 'e 19e ieu, by in noarske krêftnatuer, hwaens liedstjir in füleindich patriottisme wier. Ik mien de dichter-politikus, de nasjonale foltsfrjeon Nikolai Frederik Severin Grundtvig (1783— 1872). Hwet dizze iene man, dy't ynlik bisibbe is oan Fichte en Schleiermacher, oan John Arndt en Paul Gerhardt for it Deenske folts dien hat, stekt net sa nau. Hy hat tüzen krêften for syn folts towekker roppen, dy't fornijend en bisielend trochwirken. Hy wier mei de greate skiedskriuwer Leopold von Ranke fen bitinken, det de skiednis fen in folts den earst great wirdt en omheech giet, byhwennear dat folts leauwt. Eltse foltsfornijing sünder godstsjinstige werberte en seedlike reiniging like him in dwaesheid. Syn heechste doel wier de frije üntjowing fen alle individuéle godstsjinstige krêften. Christendom en Denendom hearden him by inoar. In frucht fen dit ideael wierne syn folts- en boere-hegeskoallen, dêr't de jongerein yn christlik-nasjonale geast ta tsjerkelik en politike ryptme opkweke waerd. Dizze skoallen woene it jongfeintefolk jaen oan yensels. Men moast eigen libben forstean en as in eigen* bisit bihearskje litte. Grundtvig bleau derby: troch witten en boekeleardheid, troch forstan- en tinzefoarming kinne wy it heitelan net üt it leech helje. As foarnaemste middel fen ynwirking op de learlingen bisköge er it libbene, lögjende wird. It gie net om fakstüdzje, mar om wierheid en om forheging fen it ynlik foltspeil. De skoalle mast hjar eigen methoade hawwe, net boun oan strang wittenskiplik tinken, ienfaldich omdet it folts net libbet yn bigrypmiettich mar yn oanskoulik tinken. „It folts wol sjen, hele, ünderhne. De greate baernpunten fen histoarysk forrin moatte bisköge wirde. De foarm en de kleur binne mear as de learstof seis. En by alles stiet it heitelan yn it formidden. Alle trieden en knopen rinne dêryn gear." It sprekt fensels det fen sokke heitelanske skoallen in ünbidigen ynfloed ütgean moast. Yn 1844 waerd de earste stifte to Rödding yn Noard-Sleeswyk. By Grundtvig syn dea wier in hiel net fen dizze ynrjuchtings oer it hiele Noarden forspraet en de wjukslach dy't hja towckker röpen, hawwe de posysje fen it Denendom ek yn Noard-Fryslan ünbitinklik fcfrsterke. Koarts skreau in Noardfries: „Om Grundtvig en syn omfiemjende greatme tomiette to kommen en to oerskaedzjen moatte de pro-Dütskers djipper sykhelje kinne en mear prestearje." Mar Dütsklan sit net stil en docht alle war om it forlerne gebiet werom to krijen, alderearst kultureel. En sa wirdt der wraksele om in folts, dat oan uzes sa nei bisibbe is. Under al dit geastlik en faken ek üngeastlik bidriuw makket it Noardfryske folts yn syn eigen djipste Frysk-nasjonale wêzen yette de alderswierste striid troch. Binammen de tael hat in kamp op libben en dea. Stap for stap hat de Platdütske tael oan gebiet woun en avensaesje nei it Noarden makke. It sprekt boekdelen, det op 'e Friezendei yn Niebüll, dêr't trije talen inoar moete — it Jutsk, it Frysk en it Platdütsk — yn it jier 1918 de preken net yn it Frysk mar yn it Platdütsk halden waerden. Mar hwet swierder de taelstriid is, hwet heger moat ek elts libbensteiken oanslein wirde. Yn it formidden fen 'e 17e ieu bigoun it Noardfryske skriftendom op to kommen. Pastor Anton Heimreich op Noardstran joech yn 1661 syn Ernewrete Nord-Fresische Chronick yn it ljocht. Dêr naem er twa geastlike lieten yn op, in moarnsang en in jounliet. Men hat de fraech oppere, eft hja for gemeintlik gebrük ornearre wierne. Men scoe it opmeitsje kinne üt de toansetting op bikende meidijen. De moarnsang op dy fen it liet „Aus meines Herzens Grunde" fen Joh. Mathesius, de jounsang op dy fen it liet „Ich dank dir, lieber Herre." Men is ek fen bitinken, det it foarbyld fen master Gysbert üt Boalsert de Nordstranner pastor oantrune hat, mar it biwiis is yette net levere. Yn elts gefal, de bitsjutting fen dizze beide lieten leit net yn hjar kinstweardije. mar yn de earste üntjowing fen de geaspraek yn tsjinst fen it hillige. Omtrint in ieu letter het him wer in Noardfrysk dichter hearre, ek in dominy, n.1. Lorenz Lorenzen (1720-93) op 'e hallich Nordmarsch. Hy publisearre yn 1749 in geasdik liet en in petear oer Davids boete. Dêr siet mear dichterlik talint yn as yn Heinrich syn sangstikken, mar hwet er levere wier sa'n bytsje. Den folgje in brilloftsliet yn Alexandrijnske fersen fen Andreas Bendixen (1749), en in geastlik liet fen pastor Chr. Quedens op it eilan Föhr. Earst yn 'e 19e ieu bigoun der mear libben to kommen. It wier de koster Jap Peter Hansen to Westerlan op Sylt (berne 1767), dy't mei syn toanielstik Der Geitzhals auf der Insel Silt yn fjouwer akten. Flensboarch, 1809, in wolslagge foltsstik levere, ek de tael oanbilangjende. De skriuwer bitsjinne lyk as in hopen fen syn I Titelblêd fen Heimreich's Ernewrete Nord-Friesische Chronick. I lansljue de sé en wier in farrensman. Hy swalke fyftjin jier op wide wetters en seach fiere kusten, mar syn hert bleau hingjen oan it ald honk op it eilan. Do't er genöch hie fen it swabjen, joech er him del op it êlde berteplak en waerd dêr koster, skoalmaster en ünderwizer yn 'e séfeartkinde (1800—20), letter yn Keitum (1820.—29). dêr't er forstoar. Hy wier net allinne in tük séman yn 'e praktyk mar ek in baes yn wiskinde en stjerrekinde. Hy nifele séfeartkindige ynstreminten yn inoar en skreau boeken oer mathésis. Twisken de jierren 1788—92 brocht er Der Geizhalz op pompier. It stik spilet op Sint Pitersdei (22 Febr.) by Pieter Madtsen, in gjirrige boer. It wier dounsjen op it doarp, mar hy siet to fêst oan it jild om syn greate bern Knjillis en Ellen sinten to jaen om mei to dwaen. Nou komt in hiele sleep folts yn 'e hüs om de jildstumper ta oare gedachten to brinaen. Der rekke t oan it wird in J. P. HANSEN Noard-Jut. dy't in krom Sylter Frysk praet. Men heart in Widinger dy't yn syn eigen geaspraek petearret. Fierders frou Siwerdt, dy't in nuver grienmank fen Frysk, Heechdütsk en Platdütsk opleppelt. Troch alderlei stimmige en brike foarfallen jowt de rike boer einlings bilies. De bern mochten dounsje, rekken oan de frijerij en kamen ta in bqask. Dit wirk tsjinne him net oan as kinst, mar troch treftige waernimming en karakteristyk fen it foltslibben wier it tige genietber. Der spriek in earnstich stribjen üt om winst to dwaen mei de Noardfryske geasprake en Hansen haldde him frij fen de ófbrükte platheden, dy't neitiid sa faken it Fryske toaniel yn üneare brocht hawwe. Hansen joech op syn stik ek noch hwet ta. It wierne meast koartswilige lietkes for de jongerein om de lange, stille winterjounen op to heurjen. Hja bisongen de fjouwer jiertiden, it fortriet fen in séman en it matroazelibben. De twadde printinge hie de titel Fiedsel ta lêzlust yn Noardfryske Sprake en bifette büten it toanielstik in novelle De lokkige stjürman, in bernsbern fen de gjirgert, sekstjin rymstikjes, herders riedsels en oar lytsgüd. De soan fen dizze Jap Peter Hansen wier Christiaen Peter Hansen, dy't yette krêftiger as syn heit de han sloech oatt it Fryske hndel en alle war die om de swakke heitelanske fielings to bisterkjen en to bisieljen. Fen bern öf wier er ien mei syn stam, mei syn eilan Sylt en mei al de eigenens fen syn lytse omwrald. Syn alden hiene it him mei de brijleppel yngetten: „Ljeavje it Fryske wêzen!" En syn üntfankelik moed krige in iere fleling for de saga en de skiednis fen syn bertegroun. Hy wier ien en al ear for de folksteltsjes, dy't yn 'e müle fen it folts libben ieu üt, ieu yn. Ho't dy stien dêr kaem, ho't dy dyk üntstie, ho't dy stêd weisonk, ho't dy hichte sa hjitte — dat wist de foltsfantasije allegearre mei kleur en geur üt to byldzjen, en dat wier fen syn gading. De skriften fen de forneamde paedagoog Christian Gotthilf Salzmann (1744— 1814), bynammen syn Elemen- taroucn, joeqen eK in aanigen „ „ C P. HANSEN wjukslach oan syn geast. Folie hie er to tankjen oan it ünderrjucht fen syn omke Hans Peter Hansen, skriuw-, skoalle- en rekkenmaster to Sonderboarch op Alsen, dy't de grounbigjinsels fen sluchte en wiere godsfrucht him wist by to bringen (1815—20). Yn 'e jierren 1824—27 bisocht er it skoalmasters-seminaerje to Tondern en yn 1830 hie er it foarrjucht de opfolger to wirden fen syn heit to Keitum. De skoalle joech him hannen fol wirk. Mar hy wist altiten noch tiid to hnen for de idéële bilangen fen syn eilan. De nasjonale kennisse en heling fen syn lansljue op heger peil to bringen <— dat wier syn ynlike langstme. En oare meistriders en foarfjuchters bisterken him yn dat stribjen. Ik hoech hjir inkeld de nammen to neamen fen de Sleeswykske patriot Uwe Jens Lornsen, de super-intendent Dr. Callesen yn Sleeswyk en Dr. Falk yn Kiel. Dit hie er al gau foar 't forstan, men moast for de nasjonale striid wapens ha. En dy wapens moasten snien wirde üt it hout fen Noardfryske tael, kultuer en skiednis. En sa gie er yn frije üren it paed op fen ündersiik. Hy wrotte yn 'e eilansarchiven, koft alde famylje-pompieren, ündersocht steile klippen en iensume strannen, samle mineralen en skulpen, die oan folkskinde en bioefene histoaryske ierdrykskinde. De ütkomsten fen al dy stüdzje laei er bleat yn de neifolgjende skriften: 1. Chronik der friesischen Uthlande, Altona, 1865; 2. Friesische sagen und Erzahlungen, Altona; 3. Uald Söldring Tialen, Tondern 1859; 4. Die Insel Sylt, Leipzig; 5. Der Fremden Führer auf Sylt, Tondern 1860; 6. Der Sylter Friese, Kiel, 1862 ; 7. Altfriesischen Katechismus (yn Sylter en Heechdütske tael), Hamburg, 1864; 8. Ubbo der Vriese, Schleswig; 9. Das Schleswigsche Wattenmeer und die Friesischen Insein, Glagau 1865; 10. Siebsehn Jahre auf Sylt oder Blatter aus dem Tagebuch eines Inselfriesen; H. Schulchronik der Insel Sylt; 12. Die Friesen. Czenen aus dem Leben, dem Kampten und Leiden der Friesen besonders der Nordfriesen, 1876. Yn dizze skriften is in skatkeamer fen witnis oer de Noardfryske eilannen iepene, en nimmen, dy't dit gebiet fen Great-Fryslên yn 'e groun kenne wol, mei dizze literatuer forwaerleazje. For himsels smiet it graven yn dizze goudmyn in skat fen poëzije op, mar de wrangens fen tsjinkear en fijanskip krige er ek to priuwen. It oarlochsmünster sloech syn kloeren yn it flêsk en bloed fen it Friezendom. Denemarken die yn 1848 in raem op it léste oerbliuwsel fen Noardfryske selstannigens. De skoallen moasten for de Deenske tael hjar doarren iepen sette, mar Hansen haldde hoek Onder it heiteldnske hndel en wegere yn syn skoalle de frjemde ynkringer in plak. Hy die mear: yn nasjonale gearkomsten fordigene er it goerjucht fen de Fryske saek. Syn soan en skoansoan strieden mei yn 'e frijheidskriich. Dit kaem him djür to stean. Deënske soldaten waerden by him ynketiere. Op elk stuit koe er syn üntslach as skoalmaster forwachtsje. Inkeld op foarspraek fen syn superieuren en troch relaesje mei ynfloedrike persoanen liet men him syn baentsje as in greate ginst halde. Mar oan getreiter fen Deenske kant mankearre it net. Syn skoallebibliotheek fen 500 dielen moast er op heech bifel as steatsgefaerlik slute. Dit narjen roun op 'e lange ein saher, det Hansen pensioen frege en syn ampt dellaei. Nou koe er him alhiel wije oan syn ljeafhabberijen. Syn wente rjuchte er yn ta in wier muséum fen heitelanske aldheden üt alle tydrekken fen 'e ieuwenlange kultuer. It hüs laei skildereftich op 'e East-ein fen Keitum net her fen 'e sé en bea in hearlik ütsjuch op it wide wetterflak en it romaneske dünlan mei syn griene helmen. Yn 'e dizige herte donkeren de iggen fen Sleeswyk. It wier him in swiet formeits op in stiennen bank for syn lyts parredys sitte to stoarjen en to peinzgjen. En net minder wier it gouden wille om op syn ljeaf Sylt roun to strunen mei stienhammer en sketsboek en kamera, hjir in hompe stien fen in rots öfslaend, dêrre in krabbel meitsjend, jinsen in foto nimmend. Sa hat er in Heet kostber materiael samle, dat jierren nei syn dea noch tsjügenis öheit fen syn kinde en hyt. It koe net oars eft in man dy't sa'n dichterlike fieling hie for de skientme fen syn omwrald, moast dy heling ek yn klanken werjaen. En sa waerd berne dat moaije foltsdicht: De Briadflarhoogher üp Sölth of dit Miraakel fan Eidem, d.i. De Breidhichten op Sylt ef it wünder fen Eidum, in ald teltsje dat Johan Winkler yn üs Frysk oerbrocht en plak joech yn „De Vrije Fries" fen 1870. It is it teltsje fen Ose, de dochter fen in Sylter stranjut, in frommins dat boaske mei de Kweade en yn 'e Walpurgisnacht mei de heksen dounse op 'e Earmtakkeberch en de breid waerd fen Boy, in séman üt Keitum. Sa skreau en wreau Christiaan Peter Hansen mear as tritich jier oanien wei for de heitelanske saek, oant de dea him üt syn warber libben weiskoerde. Syn omskot waerd to höf brocht yn 'e ierde fen syn eilan. As er nou noch de eagen ris opslaen koe oer syn Noardfryske bertegroun, den scoe er him oer in bulte forbliidzje, mar ek oer in bulte bisouwe. It sied, dat hy ütstruide is yn it forrin fen 'e jierren opkomd. De gloede fen nasjonale ljeafde is heger oplöge yn 'e herten fen syn lansljue, mar de konkelboel fen frjemde diplomaten hat in spjalting toweibrocht, dy't net maklik to hieljen is. Hwet yn 'e Noardfryske foltssiele omgiet, hat it feest fen 'e Saun Harden to Wyk op Föhr, (20 Juni 1926), dêr't ek twa fen üs Wester-Lauwerske Friezen oanwêzich wièrne, n.1. jiffer S. Kloosterman en J. P. Wiersma, iepenbiere. Ut it forslach nim ik it neifolgjende oer: Op it greate hóf fen de St. Nikolaïtsjerke, in stik iepen greide to Wyk op Föhr, sprjek Lantschaftsrat Julius Mommsen üt Deezbüll de mannichte ta. Sa'n 4000 minsken harken nei de kleare tael fen dizze reedner, dy't yn it koart de greate dieden üt 'e Noardfryske-skiednis bispriek. „Wy binne hjir net allinne gearkommen om in Fryske oantinkingsdei to fieren, mar om de ljeafde en de trou oan it heitelan to bifêstigjen, dat is it wyt fen dizze dei. Yn 'e rin fen de ieuwen is der folie foroare yn üs Fryslan: hiele stikken groun hawwe wy forlern, forskate doarpen hat de sé üs üntfytmanne, mar hwet bleaun is, dat is de Fryske frijheid en ünófhinklikheid. Yndied is der gans foroare; üs alde tael kin de oanfal fen it Plat-Dütsk net forneare en moat der hieltyd mear gebiet oan öfstean. Biwarre is bleaun de ljeafde ta it heitelan. Oeral binne de Fryske forienings oprjuchte, ek yn 'e frjemdte. Hwa in Fries is, is ek Sleeswyk-Holsteiner en in goede Dütsker; it Dütske heitelan tróu to wêzen en to bliuwen, lyk as it yn 1920 troch de foltsstimming op sa'n blide wize bliken dien hat, lit dat yn 't komstige it wyt fen de Noard-Friezei* wêze. En det de ald-Fryske ütrop: „Ljeaver dead as slaef!" yette ieuwen stan halde mei." Do sóng de gearkomste it Sleeswijk-Holsteiner liet. Machtich, swier, rüzen de lüden oer it hóf, glieden om de alde tsjerke hinne, waerden den wei. Ut in forreinde loft hie de sinne hjar üntjown ta swide simmerhearskippije; mylde waermte lei hja op 'e ierde del en mei hjar rykste ljocht dat de wolkens wyt makke, biskynde hja de Fryske mannichte, dy't op it hóf der deaden de eare fen 'e foarfaers song. Sjuch: Dr. Ernst Sauermann, Schleswig-Holsteinisches Jahrbuch, Hamburg, 1922, dat in folsleine literatuer oer Noard-Fryslan jowt, De Vrije Fries, 1868, dl. XI, bl. 37f>—391; 1870, bl. 84—133; Mitteilungen des Nordfriesischen Vereins, 1908—19; Cnristian Jensen, Vom Dünenstrand der Nordseé und vom Wattenmeer, Schleswig, 1900; Joh. Bernhard, Aus Nordfriesland, Leipzig, 1881; Ernst von Bertouch, Blicke in Nordfrieslands Vergangenheit, Flensburg, 1865; Adalbert Boysen, Aus der Heldenzeit der Nordfriesen und Dithmarschen, Leipzig, 1907; P. J. Wiersma, In reis troch Noard-Fryslan, yn It Heitelan, 1926, bl. 314—17; 327—330; S. Kloosterman, Feest op it eilan Föhr, yn Slj. en Rj. 1926, bl. 310—11. Dr. KNUT JUNGBOHN CLEMENT DER is in ald sprekwird: Noardsé — Moardsé! Gjin oarde hat dizze wierheid sa yn alle wrangens en bitterens ünderfoun as Noard-Fryslan. Fen de ienris bloeijende lansdouwen, troch razende stoarmfloeden bisprongen, bleau mar in earmtlike pünheap oer yn it Sleeswykske Wad mei syn eilannen Sylt, Amrum, Föhr ên syn fyfcjin Hallingen, dy't noch jimmeroan lytser wirde troch it gnauwen fen weagens en streamen. Dizze eilannewrald telt heechstens 30.000 biwenners, allegearre fen üs bloed en sprake. De Noard-Fries hat in fêst wêzen ynderlik en uterlik. Kleare hoedenens stjürt syn libbenswei. Krasse tinkkrêft wirket as in motor yn dizze minsken en makket hjar ta in folts fen autodidakten. It is in skaei fen skerpe kontrasten. Nést ündwêstbere „Heimatlangstme" huzet dêr alles-üttrotsjende kolonisaesje-flecht. Nést it dimmene, skrutene karakter stiet it meast forheftich en fülbannich ynboarst mei fysionaire, mediamike krêft. Hjir sit in klampe Germanendom, dêr't hwet mei ütset wirde kin. Sa seagen Harmen Sytstra en Tiede Dykstra it om 1850 hinne, do't hja mei Noard-Fryslên forbining sochten. Sa forstiene it Jan Peter en Christian Peter Hansen, heit en soan, to Keitum op Sylt, do't hja hjar ütleinen op de Noard-Fryske foltssprake en dy omskoepen ta kulturéle tael. Sa bigriep ek Dr. Otto Bremer it do't er it NoardFryske Almanak ütjoech (1893—96) en syn Stacken üb Rimen. Dat wier ek de sköging fen de Clercq, do't er yn 1907 syn Oprop die oan 'e Noard-Friezen yn Sleeswyk ta it foartsterkjen fen hjar alde geaspraken en do't er Sipma nei dy eilannen stjürde om, sa mülk, mear ienheid to bringen yn 'e geaspraken. Det is ek de oertsjüging fen de hjoeddeiske Noard-Fryske nasjonalisten, Nann Mungard to Keitum op Sylt, Bernhard Schmidt to Nebel op Amrum en Simon Jacobs to Wyk op Föhr. De greate Noard-Fries lykwols for alle tiden bliuwt Knut Jungbohn Clement, yn hwaens lot it wêzen, de wémoed en de tragyk fen hiel syn stamme him wjerspegelt. Bodders yn 'e Fryske Striid 33 Yn him is de hege wjukslach fen de geast, de sterke, dweperige fantasije, de bütenwenstige rykdom fen gaven, de realistyke heling, dy't it Dütske wysgearige gedoch forspijt, en in füleindige frijheidsljeafde. Mar yn him is ek de glüpende iensidigens en it ultraindividualisme, dy't de folsleine üntjowing fen syn gaven en talinten en de ütkomsten dêrfen ta bate fen syn heitelan opkearden. Clement syn widze stie yn Norddorp op Amrum (berne 1803), it wenplak fen syn earme alden. It kaem by hjar sa krap om, det de lytse Knut moast sutelje mei strykhoutsjes. Syn heit en pake wierne séljue; syn broerren keazen itselde fak, mar Knut hie gjin nocht oan it bitsjinjen fen 'e sé. Op in joun, wylst er tsjin 'e sliep oan wier, waerd yn him in ünforklearbere langstme wekker nei de stüdzje. Hy helde it as in ropping en gjin macht op 'e wrald koe him mear keare fen it paed nei de wittenskip. Hy forliet op syn sauntsjinde jier it aldershus, soun nei lichem en siel, mei in bernlik aerd, in blier godsbitrouwen en dochs o sa ünwennich fen de klampe groun, dy't syn heitelan wier. Fjouwer jier oan ien stik blokke er op 'e skoalle fen Altona mids in sjofel bjstean. Do rekke er to Kiel op 'e hegeskoalle, dêr't er trêddeljier theology, philology en philosofy studearre. Hy swolge Sanskryt, bioefene Yslansk en Syrysk, lies de Koran en Tacitus, helle it hert op oan alde en nije skiednis, waerd yn ien wird in polyhistor. Mar by al dy witnis laei it Frysk-eigene him flerwei it djipst. As studint skreau er al in stik yn 'e krante oer de ilindige tastan fen de Noard-Fryske eilannen. Fen Kiel gyng er nei Heidelberch, de prachtstêd oan 'e Neckar, mei syn alde akedeemje en toverachtich slot dêr't er oardeljier tahaldde en kinde krige oan „de pearel" fen syn libben, syn letter wiif. Hy kaem oan 'e kost mei les to jaen oan ünderskate skoallen. Do teach er wer nei Kiel en promovearre ta dokter yn 'e wysbigearte (1835). Ek hat er in pear jier studearre to Kopenhagen, dêr't er de geastlike dope ündergie fen Grundtvig, de profeet fen it Noarden, de bistrider fen it rationalisme, de heit fen de Deenske boerehegeskoalle. Yn syn hert wier de bea: „Mochten üs Noard-Fryske eilannen sa'n man ris ha, den wierne hja klear." En dat stiek er net Ünder stoellen en banken. Hy wiisde er de Deenske kening Christiaan VIII op, det de NoardFriezen üt hjar eigen formidden bést amptners krije koene. „It moat yen bisouwe" — sa skreau er — „det de Fryske tael, it djüre erfstik fen it forline, yn syn üntjowing opkeard is, wylst in frjemde tael de kansel, de skoalle en litteratuer oermastere. De tael fen in folts is syn wêzen. Hja fortsjinnet de stipe fen eltse wize foarst. Lykwols wy ha yn dit stik fen saken in bulte forlern, al sönt myn bernejierren mids de stoarmjende sé. Dominys lyk as Claus Harms to Kiel, Grundtvig yn Kopenhagen en Chalmers yn Edinboarch, de trije geniaelsten, dy't ik ken, scoene hiele eilannen, om net to sizzen hiele keninkryken hoedzje kinne for ündergong. Ho seldsum binne eilaes sokke mannen; op 'e lytse eilannen, lyk as uzes, komme hja noait!" Krekt as Grundtvig wier Clement fen bitinken, det it libben, sa't it yn syn tiid opfette waerd, it wrychtichste en wichtichste fen alle feiten wier. Sünder dat to kennen en mei to bilibjen rekke alle boekewiisheid fen 'e foartiid ünforsteanber en yn tizen. De Romeinske kultuer yn al syn heidenske, christlike, skoalske en steatkindige foarmen sette er leech, wylst er it Germanen- en Vikingdom forhearlike. It Fryske bloed hie it Angelsaksyske ras sa great makke. En de Beowulf wier him it greate heltedicht fen it Noarden. Dizze skögings binne suver yn ienklang mei de Grundtvigske. As in staeltsje fen Clement syn tinkbylden jow ik yette inkelde rigels fen him oer de Denen, dêr't er yn it earstoan tige great mei wier. Hy skriuwt: De Noard-Germaenske folksforhuzings giene altiten üt fen beide séën, dy't it opmerkelike Denemarken ynslute. Dit lên, ien fen de lytste keninkryken op ierde, lykwols it aldste fen Jerope en it iennichste Jeropeeske ryk, dat nea net in frjemd jok droegen hat, fortsjinnet om syn greate dieden de earbied fen alle Jeropeeske naesjes. — Dit wird hat gjin skiedkindige foar my noch ütspritsen; mar hjir stiet it delskreaun net omdet it patriottysk heart, mar omdet it in histoaryske wierheid is. Hjir oan 'e Noardsé- en Eastsé-iggen stie de widze fen miljoenen, dy't nou de moaiste leechlannen fen de alde Keltyske wrald bifolkje. Dêrom mei nimmen, dy't him in leat fen Noard-Germaenske stamme rekkent, al hat er it lézen yn Romeinske en Grykske boeken, syn foaralden barbaren neame. En alderminst scil in Protestant yn it Protestantsk lan soks dwaen, binammen net as er greatsk is op in heger üntjowing." Fen Denemarken, dêr't er yn syn jonge jierren heech mei weiroun, krige er in stipendium for in reis fen trije jier troch 'West- en Midden-Jerope (1836—39). Hy gie op it skoenmakkersweintsje en bisocht sa Brittanje, Frankryk, België en Dütsklan. Alle oarden, dêr't er spoaren fen de Viking forwachte ef foun, sneupte er nei en brocht er yn 'e pinne. — „Ik hske foaral nei it ivige, dat net mei ien minskelibben ford wyn t," skriuwt er yn ien fen syn reisbiskriuwings, dêr't spitigernöch mar in inkelde fen yn it ljocht kaem. Nei dizze reis krige er in wachtjild- fen 'e Deenske regearring, oant er in plak as prefester for him loskomme scoe. Hwent dominy woe er net wirde. Jezus wier for him net de Christus, net de ivige Godssoan, mar de fromme wize fen Nazareth. Hy achte it in misforstan, det de tsjerke de Nazarener forhearlike as de Heare fen Himel en ierde. Dêrom woe er him for sa'n tsjerke net biropber stelle en sa bleau er in frij, earlik man. Yn 1842 waerd er privaet-dosint yn 'e Germaenske talen oan de Kieler hegeskoalle. Syn foarlêzings hiene drok bisiik. Yn 1845 hie er alle kans prefester to wirden yn Jena. De lesuren waerden al fêststeld. Mar dêr hearde Minister Schweitzer, det Clement dy sim mer it presidintskip waernomd hie op in Friezendei to Bredstedt, en do waerd in oar bineamd. En sa is hy yette trijeris passeard for in universitaire learstoel, inkeld omdet er Frysk-nasjonael helde en it iepentlik ütspriek, det Sleeswyk mei syn eilannen fen aids in frij hertochdom wier en dat ek bliuwe moast. Lïnder it biwald fen de Deenske kening Christiaan VIII (1839— 1848) bigoun de Sleeswyk-Holsteinske kwesje op to setten. De monark woe beide hertochdommen ta in stik fen syn ryk meitsje en op beide it suksesjerjucht tapasse. De Deenske liberalen woene inkeld Sleeswyk mei Denemarken forienigje en de Eider ta grins fen de bifolking meitsje. Men neamde hjar dêrom de Eider-partij. De nationalisten, dêr't Clement ta hearde, woene de hertochdommen by inoar hélde en losmeitsje fen Denemarken, en Prusen stipe dizze biweging. In oarloch koe net ütbliuwe. Do't de Deenske kening Frederik VII yn Jannewaris 1848 Sleeswyk en de eilannen ynlive,- sloech de kriichsloge üt. Hiel Jerope wier yn spanning en it einbislüt wier, det de kwesje yn anti-Dütske geast lykmakke waerd om it Jeropeeske evenwicht to biwarjen (1852). Clement wier yn dy dagen wirdfierder en pleitbisoarger for de Friezene rjuchten en selstannigens. Hy skreau in boek oer it folts fen Sleeswyk, dêr't er syn siel yn ütgeat. Do't yn 1848 de bom losbriek gie it hiele personeel fen de Kieler hegeskoalle oan 'e hael. De steamboat laei klear om fen wél to stekken. Men wachte op Clement, mar hy liet sizze, yn dizze kondysje koe hy net nei de Deenske haedstêd. Hy gie nei Hamboarch. Syn traktemint waerd net mear ütbitelle. De 26 April 1852 krige er tiding, hy hie neat mear fen it lan to wachtsjen. As in banling en forrieder bitanke him it Deenske regear, inkeld omdet er in foarstrider wier fen de Fryske frijheidssaek. Sünt hat er nea wer in bineaming hawn. De Prusen hienen it allikemin op him bigrepen. Hja wisten, det hy hjar polityk trochseach; det hja net de kant fen syn heitelan keazen hiene üt rjuchtfeardichheid, mar üt eigenbilang en om it Dütske Boun sterker to meitsjen. Clement hat it noch bilibbe det Prusen en Eastenryk oarloch krigen oer Sleeswyk-Holstein, det de hertochdommen opnomd waerden yn it Dütske tolforboun en det Bismarck Kiel, de stêd fen Clement, makke ta in Dütske oarlochshaven en frijheid krige ta it oanlizzen fen it N. Eastsé-kanael (1866). De prusihkaesje fen syn heitelan wier in neil oan syn deakiste. Swiere jierren fen hüslik leed en breasoarch makken it krüs noch swierder. In heukerich libben wier it dêr yn Hamboarch fen de iene dei op 'e oare mei taellessen, dy't min bitelle waerden. It hat grif de dea fen syn oare helt forhaestge. Hja forstoar yn 1855 en liet him fjouwer soannen en ien dochter nei, neffens syn skriuwen: „ünforsoarge." Binammen nei dit forstjerren bigoun er to kleijen oer it hirde lot en boaze syn wrevel tsjin it Deenske regear oan ta haet. Hy koe yn mear as ien fak mei eare in learstoel ynnimme. Syn taelwitnis wier wiidomfiemjend. Syn tinkbylden oer it Germanendom, oer ald-Brittanje en Skandinavië iepenen nije banen, mar for him wier gjin plak. Hy forliket himsels mei in sémieu, dy't sit op 'e skomjende weagens, mei in hert for it alde, greate heitelan; mar dêr heane earnen, dy't de sé net ljeavje, üt hjar skülplakken op it fêstelên en toroppe de kop fen 'e mieu mei hjar skerpe bek." Mar hy wist ek as in frije, stege Fries syn siel üt to tillen boppe de smoarge polityk fen minsken en den skriuwt er: „Dêr siet in swan oan 'e igge fen 'e blauwe sé. Dêr kamen hounen, dy't bang wierne fen it wetter, om him to fordwaen, mar op de wjukken fen 'e wyn fleach de swan heech yn 'e loft. Hwet koe it de swan dêr boppe skele, det de hounen bilen en razen? Gjin jier gie foarby eft Clement ütfenhuze nei syn berteplak, syn ljeaf eilan Amrum. En den koe er alderdierberst prottelje op 'e bern, det hja it alde Frysk net goedernöch praetten. Amper hie er fen it fêstelan de hakken licht ef hy praette gjin wird Dütsk mear. En as in eilanbiwenner him yn 'e „poepetael" oanspriek, sei er lilk: „Bistou in Fries en praetste Dütsk?" De amptners op it eilan seagen him mei in skilich each oan. Hja wisten, hy koe gjin ünrjucht sjen, en hy rêstte net foar en alear de skildige straft wier. De tyrannije, dy't oer it frije Fryske lan laei, moast men him net ünnedich forswierje. In ljochtstriel op syn wei wier de konneksje mei de stamsibben yn it Wester-Lauwerske Fryslün. Harmen Sytstra en Tiede Dykstra stieken him de han fen frjeonskip en wirdearring ta. Hja makken him lid fen it Selskip for Fryske tael- en skriftenkennisse, sünder det er fen syn earmoedtsje ien peinje ynlizjild hoefde to biteljen. Hja stjürden him geregeldwei alle selskipsütjeften, alhowol it frijhwet foetten yn 'e ierde hie om it nei dy oarde ta to krijen. It pakje Iduna's en Swanneblommen moast al gean mei in kaptein, dy't tafalhch op Hamboarch foer. Syn brieven rinne oer fen tankbrens for dizze bliken fen heitelanske meifieling en fen hertewinsken for it woldijen fen Fryske sin en sprake twisken Fly en Lauwers. Hy fen syn kant stjürde wer nei Ljouwert in presint-eksemplaer fen de boeken, dy't üt syn pinne komd wierne, bygelyks: Reise durch Holland, Friesland und Deutschland, 1845; Die Nordgermanische Welt; Der Francose und seine Sprache (1848); Die Profezei der Friesin Hertje; Die Lebens und Leidensgeschichte der Friezen en syn stüdzjes oer 'e Fryske tael yn it Archiv für das Studium der neuern Sprachen (dl. IV—X); Die besten Mitteln die Lage der Herzogthümer Schleswig und H. zu verbesseren, 1848; Das wahre Verhaltniss der Sudjütischen Nationaliteit und Sprache der Deutschen, 1849; Geschichte der Herzogthümer Schleswig ensfh. 1660— 1860; Das Nordlicht, 1860; Die Kampf urn Schleswig, 1863; Schleswig-Holstein's Rechte, 1864; Schleswig wie es Jetzt ist, 1867; Die Danische Sprache und des Volksidioms des Nordens Schleswigs. Jierrenlang hat dit brieveforkear oanhalden en men hoecht net to freegjen, eft it ek winst dien hat for it stribjen fen wearskanten yn it bilang fen 'e heitelanske saek. Ek hiene de oprjuchters fen it Fryske Selskip dytiids brieveforkear mei in oare Noard-Fries, dy't fen desgeliken de Denen faksearre en üt syn ampt üntslein hienen, om syn Frysk-nasjonale tinkbylden, n.1. Christian Feddersen, dominy to Nord-hockstedt yn Sleeswyk. Yn 1851 waerd er mei in lyts pensioen oan 'e dyk set. Hy gie do to wenjen nei Nezitz by Oldesloe, net her fen it plak dêr't ienris Minne Simens forstoar. It Selskip bineamde him ta lid en ho heechlik er dat weardearre, dêrfen kin mannich brief yn it archyf fen it Selskip bliken jaen. Hy wier ek de man dy't Sytstra en Dykstra Noard-Fryske fersen en skriften takomme liet. Clement stoar yn 1873 by in bisiik oan in soan, dy't yn Amerika wenne. Mear as in heal ieu is forroun sünt syn dea, mar syn wirk bliuwt net yn it forjit. Syn boeken binne yn wearde op de NoardFryske eilannen oant hjoed de dei; en de eilanners biwarje in ljeaflik oantinken oan de ienfaldige man, dy't yn syn libben sa faken in smout petear mei hjar hie. Hy is in symboal fen de striid, dy't Fryslan for syn eigen wêzen trochmakket. Syn lot hat folie wei fen Jancko Douwama sines. En dêr scille mear sa folgje yn 'e takomst. Cornelius Petersen, de Noardfryske boer. poent nou de Fryske snaer for autonomy fen syn lan. Fensels. nou hjit er in politike tizekop en in fanatikus. Wy tinke dêr uzes fen, en sjugge him yn 'e rige stean fen 'e Fryske nasjonalisten: DouWama, Clement, Petersen. Sjuch- Valdemar Bennike, Nord-Friserne og dezes land, Arhus 1890; G. Weigeit Die nord-friesischen Insein Vormals und Jetzt, Hamburg, 185$; lenzen Christian, Die Nordfrisischen Insein Sylt, Föhr, Amrum, und die Hallingen Vormals und Jetzt, Hamburg 1899; K. J. Clement, Schleswig, das Urheim der Angeln und Friesen, nach vierhundertjahrigen mit Holstein unter danischer Herrschaft getheilten Leben und Leiden von Deutschland wieder einverleibt, Altona, 1867; C. P. Hansen, Die Schleswigsche Wattenmeer und die Friesischen Insein, Glogau, 1865; H. Haas, Deutsche Nordseekuste, Friesische Insein und Helgoland (in Land und Leute, Monographien zur Erdkunde), Bielefeld und Leipzig, 1900; R. Allmers, Die Unfreiheit der Friesen zwischen Weser und Jade. Eine Wirtschaftgeschichtlike Studie in Munchener Volkswirtschaftt. Studiën, Stuttgart, G. Cotta, 1896; Kobl. von Th. und W. Cornelius, Wanderungen an der Nord- und Ostsee, Leipzig; Fnedench von Schleswig-Holstein, N. Aufzeichnungen aus den Jahren 1848—50, Zunch 1861; VollstSndige und ausführliche Geschichte der Schleswig-Holstemsche Erhebung und des deutsch-danischen Krieges, Altona 1852; H. E. Hoff, Schleswig-Holsteinische Heimatgeschichte, Kiel, 1910; J. G. Kühl, Die marschen und Insein der Herzogthümer Schleswig und Holstein, Dresden, 1846; Forjit my net, 1908, bl. 24; 1910, bl. 1; Yn üs eigen Tael 1917, bl. 33. HARMEN SYTSTRA EN TIEDE DYKSTRA DO'T de Lapekoer yn 1822 ütskodde waerd, en in jier letter de greate langeanne ta eare fen master Gysbert Boalsert yn 'e feestpronk sette, siet yn dyselde stêd in skoenmakkersfeint op 'e skammel to pjukken en oan 'e tried to lüken. Fen jonge öf hied er in nuveren nocht oan lézen. En hwet alder er waerd, hwet slimmer it wirde, sadet er kinde krige fen in hiel bulte saken, dêr't oaren fen syn klasse nin bigryp oer hienen. „Spitich" — tocht mannichien yn Boalsert — „det sa'n ien syn libben by els en piktrie slite moat." Dizze jongfeint skreau him Rein Baukes Windsma (berne de 26e fen Simmermoanne 1801) en troude, in goed 20 jier ald, mei Tryntsje Gatses Haagsma. Do t er 24 jier wier, kaem er yn 'e kinde mei ds. H. W. L. A. Visser to Ysbrechtum, skoalleopsjenner yn it 8ste district fen Fryslan, dy't him saher brocht, det er de fjirde rang as skoalmaster krige en yn 1826 de skammel farwol sizze koe om provisioneel de skoalle fen Nij lan to bitsjinjen en neitiid foarfêst dy fen Offenwier. Yn 1829 helle er de twadde rang en waerd do master yn Wolsum op in traktemint fen 250 goune. It wier yn datselde jier, det er syn „Friesch Blomkoerke" yn it ljocht joech. Yn 1833 folge syn „Friez'ne Blommekranze," en yn 1847 syn „Blêdden uwt mijn Schrieuwboek." As men dizze earmtlike skoalmaster ris frege hie: „Hwa hat dyn paedwizer west nei de blommige fjilden fen de poëzije?" scoe er mei earbied de namme neamd hawwe fen master Gysbert. En as men den noch fierder pinfiskje mocht nei de oarsprongen, den scoe yen tobinnenkomme it apostelwird: „it swakke en üneale hat God ütkard om it sterke to biskamjen." Dat is ek fen tapassing op de bodder, dy't nou oan bar komt, n.1. Harmen Sytstra, dêr't de psalmrigel fen sein wirde kin: „God bringt de needdriftige üt 'e fordrukking yn in heech fortrek." Syn berteplak wier Mullum (14 Jan. 1817). Sa lang as er net troud wier, skreau er him altyd Zylstra, net better wittend as dat wier syn fan; mar by it neigean fen syn komöf, do't er boaskje scoe, die it bliken, det syn echte foaralderlike fan Sytstra wier, en dy hat er do oannommen. Yn it Frysk skreau er him, neffens syn eigen boekstavering, Sitstra. Syn alden nietten Sytse Harmens HARMEN SYTSTRA Sytstra en Tjitske Japiks Wierda. It wierne arbeidersljue en hja hawwe net mear as ien bern hawn. Harmen wier yette lyts, do't er syn beide êlden kaem to forliezen. Hy rekke nou nei syn beppe Antsje Klazes to Achlum, dy't hwet boerkerij hie en letter sünder bidriuw libbe. As jonge fen toalf jier, nei beppe dea, krige er in thüs by syn omke Klaes Vellinga, dy't bakker to Achlum wier en him brflkte for help yn 'e bakkerij. Dat hantwirk noaske lykwols Harm net bysünder. Hy hie hwet oars yn 'e holle as bakken. Lézen en boekewrotten wier syn sin. Mar dêrta waerd him net folie tiid gind; hwent deis moast er arbeidzje en as er jouns let wier, koed er moarns net bytiid üt it bêd komme, lyk as dat by bakkers de trant is. Mar faek, as de baes miende, det Harmen laei to sliepen, siet er mei in botsens kearske op 'e souder efter 'e takkebosken. Sa tomük en by üntiden, Sneins en as oaren sliepten, wier hy oan 't learen, en üt himsels learde er algebra, mietkinde, stjerrekinde en frjemde talen. Hy mei yn 'e grounen fen it ien en oar in bytsje ünderrjucht hawn ha, de haedsaek hied er üt himsels. Yn dy tiid makke er ek al ris in rymke, sawol yn it Hollansk as yn it Frysk. It measte hwet foarkomt yn syn earste boek Tsien tuwsen uwt de lotterij oaf Jouke Rommerts scriften, (Frentsjer, 1841, 2e pr. 1845), hat er makke, wylst er by it bakken wier. Dit boekje, dêr't al daelk yn opfalt de bihearske fersbou, al is de dichterlike wearde net bjuster great, joech oanlieding, det hy yn 'e kinde kaem mei Tiede Roels Dykstra, destiids studint to Frentsjer, in keapmanssoan üt Ljouwert (berne 25 April 1820). Dy hie ek al gjin fleurige jeugd efter 'e rêch. Yn 'e bernejierren wier er al folie sahwet kwakkelich en yn syn opwaeksen altyd swak en tear. Dêrtroch kaem it det er net safolle op in baen wier as oare bern en heil socht yn 'e boeken. Op 'e Frénske en Latynske skoalle kipte hy him er üt troch in greate iver yn it learen, sadet er yn alle klassen altyd de baes wier. Syn rede, halden by it forlitten fen 'e Lat. skoalle yn 1839, jowt bliken fen syn drege kinde fen it Latyn. Earst studearre er oan it Frentsjerter Athenaeum, sünt 1842 to Grins. Hy fêstige him as privaet-dosint to Ljouwert en waerd yn 1858 as opfolger fen J. v. Leeuwen bineamd ta Archivaris-Bibliothecaris fen Fryslan. Al foardet er studint wier, laei er him üt op it Frysk en de dêroan bisibbe talen. De ljeafde ta Doetsje Ypes, in Ljouwter boargerdochter, dêr't er yn 1844 oan boaske, makke syn dichtfjür wekker. Syn earste wirk binne Foarjifersblomkes of ytlike Minne-rymkes, tawijd oan Marije, Dokkum, 1840, mei twa trekkebekjende doukes as vignet. Dêr sjongt er: As 't laeste sinnestrieltsjen jouns Yn 't westen quynt, In troch de wite dauw forbritsen Yn 't neat fordwynt. As 't simmerwyntsjen dan oafsloawe De wjukjes ploait, Dearnei de nacht de blauwe boagen Mei stjirren toait. Dan sit ik iensom in allinne Oerstjélpt troch smert, In selm' de Ijeawe saefte hoape Ontfljucht myn hert. 'k Tins dan ho't koerend toarteldouke Syn raestpleats kert, Naest 't wyfken dat fol ljeafde in minne Sa saeft him patt't. Dan rinne berntsjes' ljeaf in ljordich Hjar heit to mietf, - Dy dan te mids fen wiif in berntsjes Syn soarch forjit. Sa sit 'k allinne in iensum tinsend, Forslein fen smerf, In 't sjen fen ljeafde in lokkig weazen Trochpyl't myn hert. Want och my scil myn siels-bejeartme Altyt ontgean, It lok ontsluwpt mei spitich gnyskjen Myn libbens bean. Foar de jonge Sytstra moat it in bifrijïng west hawwe üt de binyptens fen syn klaeidorp, dêr't op syn heechst in inkeldenien him bigrepen hat, det er in frjeon foun yn dizze diehterlike studint, dy't de Frentsjerter tradysjes en de Fryske tins as in macht yn en boppe him fielde. En dizze frjeonskip brocht in kearpunt yn it nasjonale libben fen it Fryske folts. It is eft mei ien slach wer Gysberthichten bikleaun wirde, as dêr in brieveforkear oer 'e Fryske saek en Germaenske letterkinde twisken dit twatal Üntstiet yn 'e foltseigen tael. Fryslan hat dizze gouden brieven üt de jierren 1841—44, dy't O. H. Sytstra yn 'e Swanneblommen öfprintsje liet (1921, bl. 84—91) yn hege wearde to halden. Ik nim dêr üt oer it wichtich brieffragmint, dat giet oer de stifting fen in Frysk Selskip. Tiede Dykstra skriuwt yn it foar jier fen 1843 oan Harmen Sytstra it neifolgjende: Ien dei mannich lyn siet ik sahwet to mimerjen en do kaem er whet yn my op dat ik jou fortelle scil. Wy hawwe nou wol ien Genootschap vóór Geschied- Taal- en Oudheidkunde, dear binne rjue fiksche koppen oender mar mei al hjar redenaties dogge hja nin byt of to minsten ien lyts bytsje oan üs jinwirdich friesk. Sa droage ik al fjirder in mear. Einling tocht my, jonge wy moesten sjen om ien stik ef fiif, seis, aef kin dat net, ien stik trije fjouwer frieske jonges by-n-oar to krijen dy't herte op it rjuchtte pleats hawwe. Den moasten we hinnegean en stjoere elks syn bar it iene ef oare stikje prosa ef poesie, mar jimmerwei yn 't friesk nei eltsjoar ta. Ik mien A stjoert syn stik oan B, B. seit whet er him fen tinkt, docht syn eigen stik er by en stjoert dat alles mei twa ef trije fjouwer wike C. C syn eigen wirk er by in recentie oer de oaren oan D. D wer oan A en sa fjirder. Om it maklik to meitsjen hoefde men net altiten eigen stikken to jaen, mar koe uwt de iene ef oare tael oersette. Den moast elts lid de boeken dy't yn oare lannen uwtkamen en dy't foar Friesk helpe koenen yn in apart boekje opteikenje, dat sa oaren sokke dingen eak to witten kamen. Den moasten dy leden meienoar ien slach fen leesgezelschap (ik wit er nin friesk wird foar) uwtmeitsje in al de boeken dy oer FryslSn uwtkamen leaze in by in byienkomste iendris of twaris yn 't jier ünder eltsoar forkeapje. Whet tinkt jou dearfen? Jo bigripe dear ken folie yn foroare wirde neidat it tal fen de leden is. As jou nou ris woenen in ik, den binne wy togearre scil jou sizze. Ja mar ik wit noch ien dy't ik tink dat wol meidwaen wol, dat is J. v. Loon. Mar as 't er oan hapert moochlik nóch ien, mar der doar ik net folie foar ynstean. As jou der nou eak ien by hienen, dan wiernen wy in ein om de hoek. Wy moasten der gjin alde kerels by hawwe. Scrieuw as jo tiid fine whet er jou fen tinkt foar de 7e April, oars koe jou brief komme wylst ik to Ljouwert wier. Den scil er v. Loon ek oer scrieuwe. Sjedêr de oarsprongen fen it Selskip „foar Fryske Tael- in Letterkinde," sa't Dykstra it neamde yn in brief fen de 19e Maeije 1844, en dat tsjinje moast om „ien feste dyk op to arbeidzjen tsjin de hege hoeden fen 't Hollans." Mei dizze berte-akten op 'e tafel is tredderlei net to üntstriden: 1° det it Frysk Selskip opkaem as in Frysk-nasjonale biweging fen 'e jongerein, dy't üntofreden wier oer 'e sloppens fen it Frysk Genoatskip; 2° det it gie tsjin 'e Hollanske heechfloed; 3° det it in letterkindige stüdzjeklub wier, dy't de Fryske fllology en folklore ynternasjonael seach. Sa en net oars is it Selskip fen 1844 berne yn it brein fen in malkontinte Wassenbergher, as in erfskip fen de weistjerrende Frentsjerter akedeemje, ienris Fryslan's gloarje. Sa en net oars is hjir de histoaryske eftergroun. Jacobus van Loon wier de trêdde yn it Trijeboun. Hy kaem to TIEDE DYKSTRA wrald 30 Desimber 1821 yn Sint Japik, dêr't syn heit notaris wier. Hy gie dêr nei skoalle, rekke op 'e Ljouwter Latynske skoalle en waerd dêr bifrjeone mei Tiede Dykstra. Hy moast troch oanhaldende syktme de stüdzje der oan jaen en dêrom koft syn heit for him it panwirk oan 'e Boalserter feart to Huns. Yn 1850 waerd hy troch it kiesdistrikt Frentsjer óffirdige nei Fryslan's Steaten, dêr't er mear as 50 jier oanien syn sit haldde, fen 1860 öf as Dippetearde. Hy stoar to Ljouwert 7 Febr. 1903. By syn grêf mocht dit tsjügenis jown wirde: Hy hat as foarman for Fryske eigenheden en foltsbilangen in weardich plak ynnommen. Mei de oprjuchting fen it Selskip kaem it de 14e fen Hjerstmoanne 1844 ta in ütdragen saek op it bislüt fen de neifolgjende fjirtjin Friezen: A. van Andringa, Th. Bom, G. Boschloo, C. Bosker, T. R. Dykstra, D. Hansma, C. M. Koopal, J. van Loon, W. F. Schilstra, B. O. Spoelstra, O. B. Spoelstra, J. Tulp, Y. Tulp en H. Sytstra, meast allegearre jonge mannen. Om lykwol for de hele wrêld to bistean en ek iepenlik gearkomsten halde to meijen, as it Selskip mear as 20 leden telde, waerd yn 't folgjend jier fen de forfryske en forbettere wet, dêr't T. Dykstra it bistek fen rémakke hie, in öfskrift nommen en mei in bidskrift oan S. M. de Kening opstjürd. Dit forsiik waerd fen S. M. tastien by bislüt fen 20 Sept. 1846, neidet it Frysk Genoatskip en Dippetearde Steaten in ginstich oardiel oer it bistean ütbrocht hiene. Sünt is it Fryske Selskip foar de wrald itige. It waerd ringen greater troch tal fen leden, it spraette him mear en mear oer hiel Fryslan üt en knotte bannen oan yn oare lannen. Tsjien jier neitiid bistie it üt 153 arbeidzjende en gewoane leden, en waerd it splitst yn fjouwer öfdielings n.1. de Ljouwter, de Snitser, de Frentsjerter en de Birgumer. Ien fen 'e foarnaemste wirksumheden wier it bifoarderjen fen Frysk skriuwen troch it rounstjüren ta bioardieling fen stikken dy't de arbeidzjende leden opmakke hiene. De kommisje fen oardiel bisliste hokker stikken printe wirde scoene. Dat joech lykwols folie biswier en dêrfor is do in tiidskrift yn it plak jown, dat de namme krige fen Iduna, neffens de Noarske mythology ien fen 'e Asinnen, dy't yn it himelske Asgard de apels biwarre, dêr't de goaden hjar libben mei forjongen, it symboal fen ivige jeugd en ünstjêrlikens. Tiede Dykstra keas dy namme nei in oar tydskrift, dat de Sweedske skiedskriuwer en dichter Erik Gustaf Geijer to Upsala yn 'e jierren 1811—24 ünder deselde namme ütjoech. Dykstra hat Geijer wol tige heech set as dichter en joech in fortsjinstlike fortaling fen syn fers De léste Kamper (Iduna 1847, bl. 118—123). De Fryske Iduna, dy't yn 1845 by J. F. Jongs yn Fryslan's alde akedeemjestêd printe waerd, hie op it titelblêd twa bilidenissen fen in djip nasjonael fielen, earst dizze rigels fen Walther von der Vogelweide, de greate Dütske lyryske sjonger üt 'e middelieuwen (pl.m. 1200): Ubel müeze mir geschenen, Künde ich ie min herze bringen dar, Das im wol gevallen Wolde vremeder site. En dit wird fen Byron: Hear and believe, for Time will teil the rest, in tink byld, dat ik oernaem ta motto fen dit boek: Wy kinne neat dwaen as wachtsje. It doel fen üs bodzjen en striden is om it wachtsjen ynhald to jaen. En dy „Advent" hat for üs skientme en sillichheid. As men dy alde Iduna's trochnoasket wirdt yen daelk dit klear, det de oprjuchters fen it Selskip it Frysk op ien plan seagen nest de oare Jeropeeske talen en it folslein as kulturéle tael bihanlen, sadet de geast fen Iduna is Frysk-nasjonael en ynternasjonael yn skoandere harmonije. It béste üt de literaturen fen üs wralddiel koe Tiede Dykstra for syn tiidskrift brüke. En den is der yette in ding dat yen treft, n.1. it brede plak, dat er for de Fryske folklore ynskewielt. J. van Loon wier derby syn trouwe helper, dy teikene üt 'e müle fen Akke Hantsjes Joustra, berne to Lyons om 1805 hinne, in swiid forskaet fen foltskindige saken (dreamen, spükestoarjes, divelteltsjes, sêgen en tsjoenderijen) op. Alle wirk oan 'e Iduna bistege, hie in better ünthael by de Friezen fortsjinne. Der moast jild by; de samlers krigen for hjar skreppen gjin sint; men koe it noch net ta 200 ynteikeners bringe. It Frysk Genoatskip wirke de biweging net tsjin. Dr. J. G. Ottema skreau yn it jierforslach fen 1847. bl. 212: „,Wij zien de pogingen van dit Gezelschap met genoegen en voorzien daarvan goede uitkomsten, vooral omdat de leden bijna alle jongelieden zijn, welke op het land leven, en in verschillende streken der provincie verspreid wonen." En dat koe ek wol net oars, hwent yn it Genoatskip seis foei de ginstige ynfloed fen it Selskip to merkbiten, binammen yn 'e kontreijen fen Hearenfean, der't Genoatskipsleden as Mr. A. Binnerts, notaris J. G. van Blom to Drachten, dichter fen Blommekoerke, Dokkum, 1869, Mr. U. A. Evertsz en ds. A. Winkler Prins to Tsjalbert (1841 — 1850) sa fol fjür for it Frysk wierne. JACOBUS VAN LOON Yn it forslach fen it jier 1856 op blêdside 223 stiet ü. o. dit: „Er was geestdrift in de gesprekken. De vergaderingen hielden zich staande door inwendige kracht, zonder wettelijke bepalingen en boeten. Zoo huldigden wij, om een groot haardvuur gezeten, de aloude Friesche vrijheid vrijheid en de eerwaardige voorvaderlijke eenvoudigheid." In biwiis fen dit oplögjend fjür is it jierboekje De Vlinder, dat yn 1844—45 by F. Hessel op 't Fean ütkaem, en fen 'e earste oant de leste blêdside yn proaza en poëzije (Hermana-State in 876, de Friesche bard, Friezen waakt, De Friezen iri 736, Aan de Lauwers, Rienck Oenema) tsjüget fen in moaije,. teare Fryske fleling. Fyftjin jier nei it oprjuchtsjen fen it Selskip koe Tiede Dykstra nei de adjunct-kommies Van Deventer, dy't wirksum wier oan it Ministearje fen Bütenlanske Saken yn 'e Haech, skriuwe: Hoogst vleiend is uw oordeel over de Friezen, doch mij drukt de vrees, dat het Friesche volk in uw gevoelen te hoog staat aangeschreven. Wel houdt het krachtiger aan zijn nationaliteit vast, maar dagelijks gaat er meer van verloren en de Fransch-Hollandsche invloed werkt schadelijk. Het kan evenwel zijn dat het protest der grietenijen bij de Unie van Utrecht voorgekomen is tegen die invloed. De stadfriezen waren meer verhollandscht meer verbasterd dan de landbewoners, 't Mangelt evenwel nog voor een deel aan liefde voor eigen oudheid, maar ook die begint te kiemen. Niemand heeft hun ook nog hun rijkdom getoond. Gelukkig ontstaat nu reactie in den boezem van het meer beschaafde deel des volks, die evenwel nog niet tot de geleerden behooren. Het is mij gelukt, een kleine vereeniging tot stand te brengen, die juist in dien kring kan werken, welke de genootschappen, instituten, maatschappijen enz. te laag rekenen. Menig belangrijk spoor heb ik daardoor reeds ontdekt en sommigen zijn reeds met geestdrift bezield voor die' oudheid en die letterkunde welke zij vroeger te nietig achten om van te spreken. Het blijkt mij steeds meer en meer dat de Germaansche geest juist in die nederige burgerkringen steunsel kan vinden. By alle opbou hat Dykstra de krityk net sparre, dêr't dy nedich wier. Hy lei de redaksje fen 'e Bijekoer yn 1849 del, „om't er gjin kans seach dêryn oan 'e easken fen 'e kinst to foldwaen" (Brief 12 Juni 1849). It stiek him det der sa'n ünwittenskiplik ljeafhabberjen yn it Frysk wier. Flymskerp is dit wird oan Doederus de Vries to Dokkum: „It Fryske folts hat syn tael bihannele as in „blasé" syn „maïtresse" (1860). Hy frege earbied for it Frysk. De 15e Juni 1853 skreau er oan T. G. van der Meulen: Lokkich is it folk, hwaens scriften da ljeaflike rook fen lok en freugde habbe, mar ik freegje elkenien op de man öf eft dat altiid end altiid jeijen nei flouwe, platte, soms ünhure grappen tael end folk forbettert ef formoardet. Né, fier dêrfendinhe, det ik frolike stikken ófwise scoe. Ik bin de earste dy klage hab det de SwanneWommen fen 1853 to earnstig, to dróvich wierne. Mar moat ma de smoarge-graprige boppe goede earnstige stelle? Ik tink Bodders yn 'e Fryske Striid 34 oan de dronkemanstael fen Eman, skriuwer fen Ien Winterjouns-gearkomste by Jolleboer, 1852, dy't de Fryske sprake ta scande is. Sokke flarden forpestje de seden fen 't folk folie mear as 't liket en derom moat ma der yen for wachtsje, end derom hab ik er op jin. Goede, grappige stikken dwaen dübeld goed, se halde it folk aan de gong en liede it to heager. Derta moat nu lykwol ek al wer fen da skriuwers derom tocht wirde dat se frtsk bliuwe yn hjar foarstelling. Deryn is Waling yn 't gemien in master. PROZA EJT POË/.I.1. n HEEREWVIEIT, bij F. II£8SKJ,. Titelblêd fen De Vlinder. It scoe in forsom wêze, byhwennear ik neiliet yn it skiedboek fen it Frysk Selskip de gouden blêdside op to slaen fen it ynternasjonael brieveforkear, dat de pinne fen Tiede Dykstra jierrenlang waernaem. Allerearst mei Fryskfielende Hollanners as pref. M. de Vries to Leiden, dy't yn 1860 bütengewoan lid fen it Selskip waerd en do de forklearring öflei: ik rekkenje dit as in goe- kar fen myn ütjefte B. Bendsen. Die Nordfriesische Sprache nach der Moringer Mundart, 1860, dêr't ik mei E. Verwijs myn tiid en krêft oan jown haw. Ik bring hilde oan it eale stribjen fen 'e Friezen ta opweits fen hjar „nationaliteitsgevoel." Den mei J. S. Bakker, Menniste dominy op Skylgelan, dichter fen it Skylger foltsliet, dy't yn 'e winter fen 1854 war die om op it eilan in krite to stiftsjen en dêrta de Iduna forspraette. Hwet ütlanners oanbilanget, wiis ik op 'e briefwiksel mei J. Grimm; mei K. von Richthofen, dy't him winne woe for Fryske dialektstüdzje as tige wichtich for de aldste Fryske skiednis (1853); mei dr. H. G. Ehrentraut, dy't him skriuwt oer it ophalden fen it Friesisches Archiy (1858); mei Chr. Johansen, Gymnasiumlearaer yn Sleeswyk, dy't skreau Die Noardfriesische Sprache nach der Föhrunger und Amrumer Mundart, 1862, en in toaniel üt Goethe's Faust oersette yn it dialekt fen Amrum (1860); mei de alde pastor Christian Feddersen to Kellinghausen (Holstein), dy't in bistek skreau fen in Noardfryske grammatika en yn dizze wirden de Noardfriezene ropping fêstlei: 1. Set in daem yn 'e hoed; 2. Hoedzje jimme for 'e wiele; 3. Wird gjin minskene tsjinners; 4. Meije jimme aloan sterker wirde; 5. Meije jimme altiten Friezen bhuwe (25 Aug. 1856); mei dr. K. J. Clement to Einsbüttel; mei Inspector Carsten syn Lindholm (ambt Tondern); C. G. Heinsen, learaer op Föhr; F. Feddersen op Sylt en P. M. Clemens to Sleeswyk, dy't it Lucasevangeelje yn it Noardfrysk oersette. De brieven fen dizze Noardfryske foarstriders tsjügje. allegearre fen hege weardearring for it stribjen fen it Selskip om it ieuwenalde Fryske stamlibben for forstjêrren to biwarjen. Hwent dêr gie de hiele striid fen de Idunamannen om. Ik nim hjir oer in taspraek fen Tiede Dykstra by it sluten fen 'e wintergearkomste fen 'e Ljouwter krite yn 1852: En thiutsk scriuwer seith fon da Holsteiners end -Sleeswikers, end dos ac fon üs broerron da Noardfrison: „det folk heth for en deil self skild oan da undergung fon sin fulkslibben end det is wier, ac fon der Westfriske fulkstamme. Ja, da Holstein-Sleeswikers hiedon swiere dagen hawn, der fulle lyen end leed, men nen luk brochton. Despotismus fon adel end amtners, bikrumpen, dumpige gaestliken, brek oan underwis end scöle hiedon se mei elkor gemien. Hwet yet goeds in da gaest fon th' fuik libbe hied, fordwoun, end dumme, butte lumpens kaem in ste, by th' fuik det-hinself nawt mear koed, hinself forgeat. — Det habbe beide fuiken ac gemien. Det friske fuik foriear sin tael in richtwesen end godsthianst, in sang end sege, in skiednis end witnis; men strang halde 't da fest In libben end umgung. 't Wier 't leste anker! — Fulle, mar al to fulle, is er forlern end thruch egen skild fortige. Derthruch, det-et fuik fon' him self nawt mear wiste end hinself fortraepje liet, derum wirth hit nü en boerefulk neamd, derum hiet diu friske tael en boere tael, det is, in da mule fon üs jenstonders sa fulle to sidzen, det hiu nearne goed for is, as um spritsen to wirden for ky, skiep end hwersa der 't neist by benne. — Ja, derin heth det friske fuik self skild, det scil ma mei riucht hja neijaen kenne: „sa habbe hiar egen selfstondigens weismiten." Stedfriesen habbe forfranske hollonders neiape end londfriesen, sa goed end sa kwead hit koed, forhollondske stedfriesen, end nen ien fen ollon wol wite det se apen fon apon benne. Hied dy earsume friske boer den blasende ütmon, den oerdwealske stedmon up sin tiid da tusken sian leten, wer er riucht fon sprekken hied, up sin tiid fen him öfbiten, lik as oren diedon, dy namme fon sin nummel bidriu, boer, scoed nen scondnamme wirden wese for 't heilichste hwet God him joech, for sin tael. Ja derin heth det fuik skild! Hia habbe da libbenswise der alden for en goed deil forgetten, end scondlik slach fon wesens jnleten, det da-kift al mear en mear forpesteth. In da measte stedon is binei nen libben, nen fulkslibben mear. Der is det scaei ol sa diup innestele, det ma 't for egen bloed oansiucht. Hwa hit weageth by hiam to praten fon eat det et friske fuik oangiet, wirth ütspitgnlske, up sin best for en bitsje mear as healwis halden. Friske seden, borgerseden, benne for hia nuvere aerdich •— um er um to laitzen ,Waar kunnen die menschen zich niet meê diverteren!" — Friske tael is en bitsje bettor, as 't by geliks sa to pas kumt. Det heart ma oars sa nawt. — Det sidze se ac as van Aken ef Martin hier mei sin bistespil kumth. Ha hearth det sa nawt, end den heth hit sa hwet fon th' hottentotsk eft otaheitisk. 't Is nuver det ha der ac in prate ken! — Mien nawt det ik 't to fier driu. Fon th' measte koe 'k biwisen leverje mei nammen derby, det measte hab ik self underfoun. Hwaem yet en frlsk herte under th' klaed kloppeth torketh der um, olllk en forweseling up th' hóf, hwer sin alden end foaralden biierdige benne. Det nye slachte is him bisibbe, men hit ken hin nawt, hit wol hin nawt kenne. Hit spanth det se 't rachen lete kenne, nimmer det gniskjen, as er en trien up 't grefstiente fon sin romrufte foaraldon falie lith. Ienlik end deadsk is sin paed, ont er self, det striden wirg, for heagor wirkjen ruppen wirth! Siuch, meileden! ik woed det mar efkes sidze, um 't det is, in sted end up th' lond, dy sondbank, hwerup olie sitten bliuth, det is diu klippe, hwerup olie tobrekth, hwet thianje ken friske sprake, friske geast foarüt to helpen. Likwol, der mat en tiid kumme, hwerin diu dudde fordwinth, hwerin diu sprake, det deil der siele, ollik en dichter seith, ny, yet, unbikend libben in 't fulkslichem infierth: „Um 't sprake is amme end geast end siel fon th' fuik," en tiid, hwerin wier wese scil hwet dy thiutsker Dethmar seith: „da Friesen wieron eren machtich end great, fon Skelde ont Weser, — hia scille det wer wirde, as hia hiar kostlike einaerdigens, hiar upriuchtens end trowe, hiar frummens end deugd, hiar flit end ienfald biwarje." — Sé det sa! Yn sokke uteringen kin men dochs in djipper, swierder klank fornimme as by de trochsneed-Wassenberghers. Freget men nei it ünderskie twisken dizzen en de Idunaljue §- den is koart en goed it andert: De earsten wierne aldere akademici, de lésten wierne jongere plattelênners. De earsten hienen it Friezendom mear yn 'e holle, de lésten mear yn it hert. De earsten sieten mear fêst yn 'e letter, de lésten hiene de geast. De earsten wierne de aristokraten, de lésten de boargerklasse. De earsten haldden de Fryske tael mear yn 'e studearkeamer, de lésten droegen se üt yn it foltslibben. Wol men it biwiis? It hiele archyf fen it Frysk Selskip. It Frysk wier dêr de tael fen it brieveforkear, fen de atfortinsje, fen de gearkomste. Ynsafler steane de Halbèrtsma's büten dizze bi weging. Hja binne aristokratysk. halde mei inoar krespendinsje yn it Hollénsk, drage it stimpel fen de Wassenberghers. Mar hwet it letterkindige oanbilanget is dêr gjin skieding twisken de Idunisten en de Halbèrtsma's. Ek net twisken Sytstra en Waling Dykstra. Men moat net forjitte. Waling siet seis yn 'e Iduna-redaksje (1851). Allegearre wolle hja nocht jaen. „Sa folie as wy mar mei mogelikheit kinne; by opheape weiden, by bollepreamsfësten scoeden wy it jimme wol taflere, as wy mar koeden" — stiet yn it Idunafoarwird fen 1847. Hwet priist Sytstra de Fryske Waling-sankjes Doaitse mei de Noardsce Balke! „Dit" — skriuwt er — „is hks yn 'e folkstrant" en den hellet er mei ynlike fornoeging it moaije Myn Marije oan. En as er Minne Torrits reis nei 't Kollumer oproer (185J), bioardielet, den hêldt er de Halbertsmanamme heech en seit: „Dy is grif in anker wyn wirdich." Né, yn it letterkindige rint net de skiedingsstreep twisken Sytstra en de oaren, mar yn it taelkindige, yn de stavering. Sytstra en Tiede Dykstra mochten de Gysbert-spelling dy't Rein Windsma, de Wolsumer skoalmaster, yn syn Blêdden uwt myn Skrieuwboek, Snits, 1847, folge, net lije en dat allinne om't se ünfrysk wier. De echt-Fryske stavering siet for hjar yn 'e aldste tael-oerbliuwsels. Hja ploaiden hjar stoaijinge der net heiendal nei, mar hja wier dochs groune op de alde stikken, Eltse boekstoaijing moast foundearre wêze op dy fen 'e Fryske wetten. De Halbertsma-spelling wier hjar in ein better, mar steunde yette tofolle op de Hollanske stavering. „De aldere skriuwwize" — forklearret Tiede Dykstra yn 'e Ljouwerter Krante (14 Jan. 1845) — „is it wisse middel om it Frysk by de frjemdling yn earbiedenis to bringen." En Sytstra liet yn syn krytyske stikken en skögingen wol ris ütkomme, det er syn moed net rjucht hie oer de Fryske skriuwerij, mar dat siet him ornaris yn de spelling, dy't him to slof, to nijmoadrich, to ünbisnoeid wier yn Bijekoer, Friesche Volksalmanak en Swanneblommen. De tsjinstanners fen de archaïstyske stoaijing joegen Iduna frijhwet snütslaggen. Hja seine, sok skriuwen makke de Friezen Wears fen hjar eigen tael. Mar Iduna andere: „gjin skimpskoaten fen lytshertige keffers, fen freamdsuchtige skynfriezen eft fen koartsjende slintergongers scille üs forliede foartoan mei to wirkjen om d' oerskiene, pittige sprake der Friesen yn 'n freamd klaed weigrime to leten" (Iduna, 1848, bl. 15). Dit taelbigryp wier gjin frucht fen dichterlike sköging, sa't J. Hof ha wol (Fryslan, 1918), mar Al-Fryske taelsköging. Sytstra wier Great-Fries. Hy stelde de Iduna-stavering op, net sa sear for dit Fryslan, mar hy woe alle Frysk-sprekkenden sa to sizzen ünder ien hoed fange. Hy siet fêst oan it ljochtsjend byld üt it forline: Pan-Frisia fen de Upstalbeam. Mar hy hat to licht tocht oer it oanlearen fen foraldere taelfoarmen, ho earnstich hy oars wier. Colmjon hat dy stavering yette in tydlang folge üt achting for Sytstra. Mar syn boekje Hwet de ljeafde net dwaen kin, (1862), is net mear yn de Iduna-stavering, en syn Beknopte Friesche Spraakkunst voor den tegenwoordigen tijd, Leeuw, 1863, makke de breuk folslein. En nou nim ik syn libbenstrie wer op. Yn 1842 hie de feint oan it bakkersfak foargoed de brui jown en wier yn 'e kost rekke by Wiltsje Hoekstra, smid-hynstedokter to Seisbierum. Dy moast in boekhêlder ha en Sytstra krige ta lean for dizze funksje: frij Onderdak en de kost for it iten. In stik büter yn 'e brij, mar nin büsjüd. Mar dit wier gjin biswier om tsjin it hulterich paed fen 'e wittenskip op to klauterjen. Under it panstritsen tek op 'e souder fen 'e smidterij, wylst de wente davere fen de swaeijende hammers, die er syn wirk. Twa izerkisten tsjinnen as bureau, en stoel. Dêr learde er Ald-Frysk, harke nei it earweardich lüd fen üs alde wetten, nei hjar frjemde bernlikens en ienfaldige wizens, hy bigoun de skiednis fen Fryslan to forstean en se ljeaf to krijen mei syn ynlikste heling. Hy brocht him op 'e hichte fen Angelsaksysk en Noardsk en hy bigriep de bisibbens fen de foltsen om de Noardsé hinne. dy foltsén. dy't great wirden binne ünder de salte. stypjende amme fen de wide sé. dy't' hjar stille wegen geane mei koele tinzen en ynlike heling, dy't witte ljeaf to hawwen as nimmen oars en arbeidzje mei de trekken fen wilskrêft en wisbirettens om hjar müle. „Yn him Üntstiene de greate idealen for it lytse folts. dêr't hy in soan fen wier. dat folts, dat wer great wirde moast. ien yn de striid for it eigene, werom nei syn Skandinavyske broerren. om lokkich to wêzen en wiis." Op de smidssouder makke er it moaije blijspil It boask fen de Kasteleinsdochter, dat letter troch Waling Dykstra yn proaza omarbeide en ütjown waerd Ünder de titel It forgulden büterfet (1877). En it souderkeammerke haldde er for kar, do't men him op it grietenijhüs fen Barradiel in frije keamer oanbea. In oar hat him nea net forwend. mar seis die er it ek net. Sa wraemde er troch. krigel en moedich en do't er yn 1842 de akte helle as skoalmaster 4e rang. waerd er daelk bineamd oan de Seisbjirrumer skoalle. dêr't er by de bern tige yn 'e smaek foei. Tsjibbe Gearts sjongt fen him: Ja, bern! men seach mar selde 'm op 'e striette Of hele klibers stoarmen him nei; Hja kuijern oan syn han lans paed en wei; De bernewrald koe hy syn Eden hiette, „Ho goed my rêst en stilte flije ken, „Ik koe," sei hy, „net libje sonder bern." En seis song er: Bern! dat wird omslüt in Eden, Bern! o, hwet in sillichheden Neamt dy namme ta gelik! Memmelieafde, heilich is se, 't Jonge müske ken se n't misse, Engleljeafde is net sa rik. Gjin wünder, det sa'n bernefrjeon in bernelêzboekje skreau mei Fryske tekst, ütspraek en wirdlystke, tytle Gelukkig Hansje. Frentsjer, 1846. Sytstra wier do yn Frentsjer, hwer't er datselde jiers skreau de brosjure Hwet habbe de Frysce scriuwers yn acht to nimmen en hwet ken ma foaral yn it deistich libben dwaen om üs tael to bifoarderjen. Yn 1848 teach er as twadde ranger nei Birgum. Dêr wier er mei syn frjeon Tsjibbe Gearts de siel fen de Fryske Krite, dêr troude er mei Aukjen Kooistra üt Ekkerwald, dêr dichte er de Waldsang: Moai sünder weargea, binne de walden Smük skaedzjend beamtegrien, oeral yn 't roun. Dêr helle er it hert op oan golle frjeonskip. Hwet er wier for syn frjeonen forhellet Tsjibbe: Hwet wier'n wy mei üs seisen faek forgearrè, En Birgum hie gjin moayer kranske in 't gea. Nou binn' der siker fiouwer al fen dea. Licht het de dead üs all'gear skieik forgarre; Mar forgït, sa lang ik libje, net Hwet üs dy tiid troch Sitstra skonken het. Tsjibbe Gearts foeget der oan ta: „Fen allen dy him omjogwen wier ik wollicht de dildichste om nei him to hearren; mar klear en helder as sin geast de dingen inseach, praette er oer de kom-öf fen wirden, oer friske taeleigenskippen, fen groun- of freamde wirden; en folie talen róllen er den hinne." Jierrenlang hat Sytstra arbeide oan syn great wirk, dat yn trijen ütkaem: I. Inleiding tot de friesche spraakkunst, Leeuwarden, 1854. II. Klank- en Schriftleer der friesche taal, Leeuwarden, 1856. III. Woordenleer der friesche taal, Leeuwarden, 1862. Dit wirk is him neffens syn eigen wirden swier fallen en hy fynt der gerêststelling en bimoediging yn, det it oan syn meileden fen it Selskip foar it printsjen ta bioardieling stjürd wirdt. Ek mient er, wylst amper alles hwet er rieplachte, „van bekrompene en verwarde begrippen getuigde" in stik foun to hawwen, dêr't deselde bigjinsels as syn eigen yn üntwikkele binne: in opstel yn de Vrije Fries, III, 1843, fen Mr. A. Telting, titele: Iets over de grammatikale bioefening der Friesche taal in haren geheelen omvang. En dochs, hwet blykt dit missjoen to wêzen! Telting wol neffens in fêst plan de wittenskiplike bioefening fen it Frysk troch sa folie persoanen as mar meiwirkje kinne, Sytstra winsket yn 'e groun fen 'e saek to meitsjen in spraekkinst dêr't alle Fryske dialekten yn gearraend wirde; Telting winsket de wittenskiplike skieding en geleding fen it Frysk yn syn hiele omfang, Sytstra it ünderbringen fen al dy forskiedenheid yn ien stelsel; Telting stiet alhiel op it stanpunt fen de taelwaernimming, Sytstra bout in net bisteand Frysk op, en slacht de tael fen syn tiid yn de staveringsen bügingsregels fen it Aldfrysk. Dit is it greate Ünderskie, det Telting yn 't algemien in soun bigryp hat oer tael en taelüntwikkeling en det Sytstra, mei er alles üt de boeken, dy't er lies, yn 'e holle hawwe, dochs net heger kommen is as de gewoane ünwittenskiplike taelbiskóging, dy't sahwet allinne each hat for de skreaune tael, dy't sprekt fen ünsuver wirden en forbastering, fen öfsliten en forfallen, en dy't de stavering hersten to heech oanslacht (Sipma. H. S. boek, bl. 57). Dit swiere, omfangrike wirk is in mislearring for de rjuchtbank fen de nije taelwittenskip, dy't hast hielendal steunt op de observaesje fen it hjoeddeiske taelbarren. In taellearde fen 'e noutiid kin binei gjin materiael üt 'e boeken helje. Hy moat it gearfandelje üt it folie libben. En ek de grammatika moat yn kontakt bliuwe mei it libben. It ündersiik, dat Sytstra die op Frysk taelgebiet, wier yn ien wird net experimenteel. It sprekt fensels, det him dit net oanrekkene wirde kin, hwent foar sekstich jier laei de linguistyk yette yn 'e wynsels. Mar it mei gjin kwea de ünbrükberens fen Sytstra syn Spraekleare for nou oan to wizen. Dêr hearsket by güdden yette it pnkbyld as scoe de gouden ieu fen 'e Fryske tael yn it forline lizze. Dat is sa net. De gouden ieu leit foar hjar, yn it takomstige. Nei gelang it Fryske folts heger komt to stean, scil it by steat wêze op ienfaldiger en klearder menear ta syn doelwyt to kommen hwet de sprake oanbilanget. Oeral is forienfaldiging yn 'e taelstruktuer waer to nimmen. Sytstra seach net yn det er mei it ynheren fen de swiere, alde taelfoarmen it taellibben yn 'e wei stie en forlege. Syn fortsjinste leit yn it stiftsjen fen it Selskip en yn de brede sköging, dy't him dêrby mei syn frjeon Tiede Dykstra it paed wiisde, n.1. de sköging fen Great-Fryslan. Dat helle de ban ta mei Noard-Fryslan; dat makke hjarren fij en frij fen it provinsialisme, dat haldde hjar skip op fol sé. Men kin it merkbite üt de titels fen de lêzings, dy't hja halden for it Selskip. Sytstra spriek 13 Juli 1848 op de 5e algemiene gearkomste oer it forskaet fen it Fryske folkskarakter yn 'e Walden, op 'e Klaei en op it Bilt. Tiede Dykstra spriek 9 Okt. 1851 oer de Fryske saga fen 'e broerren Friso, Saxo en Bruno yn forban mei de Noarske goadenammen Freyr, Thor en Odin, en 24 Nov. 1855 for de Krite Ljouwert oer Helgolan, nei oanlieding fen Theodor Mügge's Streifzüge in Schleswich-Holstein (1846). De ynset fen hjar Selskip wier sterk en stoer. Nou koe yndied sprake wêze fen in Frysk-nasjonale biweging. Mar wy meije yn Sytstra utersté net de dichter forjitte. Men stiet forsteld oer de rykdom fen it gemoedslibben, dat yn syn fersen utering foun. Master Gysbert bisong suverder en mylder de stille opteinens en de gouden nju fen de ljeafde yn Myn ljeafste Wobbelke, hwet biste moai. Piter Jelles slacht hertstochtliker de snaren fen it spylark mei syn Och, ik bin sa'n wylde ruter Troch de greate, wide wrald. En ik siikje sa fol langstme, Nei in fêste en trouwe hald. Mar nimmen hat mei ynliker forearing Fryslan mind yn syn great forline, yn syn einleaze striid. Hy hie de heltedichter fen üs folts wirde kinnen, as him in langer libben ornearre wier. Yn 'e joun fen syn libben, as er, lyk as in skipper, dy't winters opleit en fen de simmerfortsjinst tart, ek oplizze koe en yn stilte libje, den scoed er foar it lést in swannesang sjonge. Dat scoe wêze in dicht oer de komöf fen de Friezen. En net lyk as by Willem van Haren scoe Friso as Kening der Gangariden de stamfaer fen it Fryske folts hiette, mar syn heltedicht scoe yn heger hecht der Friezen oarsprong ütbyldzje. Hy woe opklimme ta de aldnoarske Asen, ta de kamp fen Midgard en Asgard en ta de earste skimer fen it Noarderljocht. En hy wier dêr for birekkene, hwent hy helde him ien mei dat oer-Germanendom en hy seach de ald-Fryske foltssiele mei hjar djipten en widens. Yn syn Reginesangen hat er syn ynlike ljeafde for de ivige natuer ütsein. Regine is it inglich-fanke, dat him forskynt „yn de tearens fen de mylde Maitiidsmoarn en yn de lüde geroften fen hjerstich byljen oer de woelige weagen." 'k Bylde m' yn det 'k mei dy doarme Troch de fjilden der natür By moai waer en ünder stoarmen Kaltsjend oer Gods faderstjür. En dyn frommens, dyn bitrouwen Op d' Algoede, jimmerwei, Stipe my, op Him to bouwen, As 't my swier op 't herte lei. Dy't Sytstra yn it moed sjen wol, moat syn trije Reginesangen. De Maeitiid op it fjild, Hearstjoun en Langst nei Regine léze. En lit nimmen forjitte syn oandwaenlike elegy: By 't lykje fen üs lytse Tabo, mei rigels dy't in trien yn it each bringe: En as de bern yn boarterije De blomkes ploaitsje en skeine, Ef Lieuwe-om-Heite 't tsjerkhof meant En s' ófsnijt mei syn seine, Dan tink ik wer oan dy, o bloml hwaens [üre al sloech. Ear 't knopke 't yette ontjoech. En hwet Fries moat net kenne Nynkmoei en hjar Poeske en de Swellesang? Sytstra koe net op allemans achting bouwe. Men koe fen him sa foart gjin hichte krije; Hy is, sei 't folk, geleard as domeny Mar dêr tsjinoer fol ongelove er by In frij geast dy men mar frwet hat to meijen In mispunt, sei in oaren, ja, in süch Dy't herte lang op 't rjuchte paed net droech. Fen him seis sei er: Mei brea en wetter Yn de iensumheit hab ik genöch; ik woe Det 'k as in hearremyt mar libje koe." Mar dat lot is him net tadield. Büten 'e skoalle om wrotte er altiten yn 'e talen. Follen, dy't nei Amerika giene, hawwe lang dêrnei der op romme ho it Ingelsk, dat hy hjar leard hie, hjar goed dien hie. En hokker ban dêr laei twisken him en syn lear- lingen, kin men opmeitsje üt dat moaije fêrs Ofskied fen frjeonen, dy nei de foriene Steaten fen N. Amerika teagen, mei dizze rigels ta bislüt: Farwol! for altyd farwol! Licht scille jimme üs nimmer Ho great de langst ek is, de frjeonskipshan wer jaen; Doch nea gjit d'oantins wei; ho't rint, se bliuwt üs jimmer, En 't frjeone-hert scil, sa lang wy sykje, slaen. Farwol, hab lok op réis! Bid, fier fen üs, Gods seine Mei op üs Fryslan del! — De flymjend' üre slacht, ho w'üs ta wetter weine.... Far, frjeonen, ivich wol. Sytstra joech les oan boerefeintcn yn 't rekkenjen, lézen en skriuwen. Fierders hie er in sjongselskip fen tsjinstboaden. Sokken, dy't hjar to lyts achten om mei de boargerstan om to gean ef dêr mei to tarren, founen hjar, lokkich en thüs op Sytstra's sjongselskip. Né, net om syn libben wier Sytstra by in hopen sa'n bytsje yn tel. Mar hy wier dêr to Ünforskillich om; hy hie gjin slach om to bügen. Hy libbe for syn hege libbensidealen. En de wrald forstiet gjin dreamers en idealisten. Hja haldt mear fen de middelsoartige, dy't se neikomme kin. De moedige kampfjuchter hat tsjien jier (1852—62) yn 'e Baerder skoalle as boppemaster stien. Op dat ienfaldige klaeidoarpke sneide it ek net jimmer roazen en anjelieren. Syn frou rekke al ridlik gau troch syktme üt stel en dat hat lang dürre. Seis waerd er it offer fen de typhus, dy't hommels in ein oan syn wirksum libben makke (4 April 1862). Wy sizze it de dichter nei: Ha moast to gau yn 't tsjust're gref binachtsje Hy slute 't each to gau for Fryslan ticht. Mar dochs syn namme stiet en bliuwt yn 't libben Syn geast scil om üs wêze jier en dei. En moatte wij him ier of let ris nei, Wy earje him oan de ein ta as üs sibben. Twa moanne letter folge Tiede Dykstra him (29 Maeije 1862). In swier forlies for Fryslan! De lege plakken wierne net maklik yn to nimmen. Mar it selskipsflndel bleau net forlitten. De boekhanler Gerben Colmjon (berne 27 April 1828. forstoarn 28 Desimber 1884), dy't sünt syn jongfeintejierren al lieding krige hie fen Dykstra, en yn 1868 archivaris-bibliothekaris fen Fryslan waerd, naem it skriuwerskip op him. J. van Loon waerd foarsitter. En mei eare haldden hja sa'n 20 jier de lieding, mei deselde brede Hanskrift fen H. Sytstra. sköging as de twa forstoarne wapenbroerren. Van Loon mocht yn Nov. 1886 by it 30-jierrich bistean fen 'e krite Baerd forklearje: Sont ik yn Ljouwert wenje, en dat is nou goed tsjien jier (1876), ha er üt frjemde lannen by my west: Prof. Schafer to Jena, nou to Leipzig. Dr. B. P. MöUer üt Kiel, Prof. Hewett üt New-York, en nou in mannich wiken lyn, Dr. Theodor Siebs, by Bremen wei, in jonge man, dy hiel Fryslan troch- reisge het — allegjerre komd om de tael en yn 't bisonder de klanken üt 'e müle fen it folk oan to harkjen en op to teikenjen. De lêstneamde koe it aldfrysk better léze en forstean as ik, üs nijfrysk koe er flink léze, hy hat mei myn jongfolts songen üt it Frysk Lieteboek (1876, nije ütjefte fen T. E. Halbertsma erf W. Faber, 1899), det it huzen fier klonk, en it Skiermüntseager Frysk koe er sa goed uterje, det de frouljue him halden for in eilanner en tochten, det hy hjar for 't soattsje hie. Ek yn üs lan sliept de bioefeninge fen it Frysk net. Mr. Ph. van Blom, Lid fen de Hege Ried, nou yn 'e Haech, makket in nije fryske spraeklear ré. Pref. v. Heiten fen Grins is beusig oan in spraeklear fen 't aldfrysk, en drs. Buitenrust Hettema biarbeidet in frysk lêzboek." As oaren, as frjemden dat dogge for üs tael is 't wol in biwiis det er mear yn stiket, as wy ornaris tinke en liuwe. Hwet matte wy Friezen den seis net dwaen? Sjuch: G. Colmjon, Rein Baukes Windsma yn Forjit my net, XIV, 1884, bi. l 48; j. v. Loon, Tiede Roelof Dykstra, yn Fr. Volksalm. 1863, 1—12; G. Colmjon, Harmen Sltses Sitstra yn Iduna XVIII, 1862, bl. 1—«; deselde, M Sytstra, yn Forj. my net, 1883, bl. 49—94; T. G. v. d. Meulen, Op de dead fen H. Sitstra, yn De Friske Hüsfrieun, 1862, bl. 193—207; O. H. Sytstra, Ut de briefwiksel fén O. R. Dykstra en H. S. Sytstra, yn Swannebl. 1921, bl. 84—91; Deselde, Gerben Colmjon, yn Swannebl. 1921, bl. 13—18; Sj. de Zee, Jacobus v. Loon, yn Leeuw. Cour. 10 Juli 1926; S. L. v. d. Burg, Oersjuch fen 'e Selskipsskiednis, 1845—1919 yn Swannebl. 1920, 1—10 ; 41—52; 73—81; J. v. Loon, Taspraek halden by it 30-jierrich bistean fen 'e krite Baerd, yn Forj. my net, 1887, bl. 97—108; G. Postma, Gerben Colmjon, yn Yn üs eigen Tael, 1909, bl. 112—116; P. Sipma en D. Kalma, It Harmen Sytstraboek, 1919; Foarwird yn Blomlêzing üt 'e Gedichten fen H. Sytstra, Ljouwert, 2e pr. 1909; E. Folkertsma, Frisia, 1917, 245—48; G. Postma, J. Gelinde v. Blom, yn Slj. en Rj. 1916, bl. 9 en 17; deselde Mr. Ph. v. Blom, yn Slj. en Rj. 1916, bl. 343—46; W. Dykstra, By it ófbieldsel fen Jacobus van Loon, yn Swannebl. 1904, bl. 1 (mei portret); O. H. Sytstra, It earestiente op it grêf fen J. van Loon to Wommels, üntbleate 21 Maeije 1907, yn Forj. my net, 1907, bl. 177—184; W. T. Hewett, The Frisian language and literature, Ithaca, 1879; T. Siebs, Geschichte der Fr. Sprache, 1891; deselde, Westfr. Studiën, 1895; deselde, Zur Gesch. der englisch-friesischen Sprache, 1889; deselde, Helgoland und seine Sprache, 1909; deselde, Der vocalismus der Stamsilben in der Altfr. Sprache, 1885; deselde, Die Assibilirung der Friesischen Palatalen, 1887; deselde, Die assibilirung des k und g, unter besonder berücksichtigung des friesischen, 1886; Ph. van Blom, Beknopte Fr. spraakkunst, 1889; deselde, In wirdke op 'e krityk fen Dr. Buitenrust Hettema , yn Forj. m. net, 1889; deselde, Thinzen oer 'e spelwize fen 'e Fr. tael yn Vr. Fries, 1890; O. Bremer, zu v. Richthofens altfr. Wörterbuch, 1892; F. Buitenrust Hettema, Bijdr. t. het Oudfr. Woordenb. 1888; deselde, Fresiska yn Tijdschr. v. Nederl. taal, 1886—92; W. L. v. Heiten, Altostfr. Grammatik, 1890; P. de Clerq, Evik Gustaf Geyer, Forj. m. n. 1915, 224; J. Hof, It Syltringrer Frysk, Forj. m. n. 1911, 110; M. J. Schootstra, Master Windsma en Ds. Visser, Slj. en Rj. 1925, 154. HERRE GERRITS VAN DER VEEN DE Fryske letterkinde fen de 19e ieu wirdt net droegen troch in heech artistyk formogen. De koele forstardikheid fen *e „Forljochting" kearde de frije wjukslach fen 'e poëzije. De oppermachtige Rede triomfearre yn 'e Nutskateter. De natuerkindige en wysgearige wittenskippen oerstrielen de hearlikens fen mystéry en oanbidding. Men wist alles, men koe alles, men forklearre alles. Dat joech in sterk selsgefoel. Iepenbiering hie men net nedich. De boargerlike morael waerd skearing en ynslach. Sa rekken foltslibben, kinst, religy yn it leech. Sa waerd it Fryske skriftendom hak en egael. Dochs binne der inkelde, sterke, heger steande hguren, dy't mei hjar wirk boppe dy sluchtwei egealens fen it Fryske letterfjild ütstekke en dêrta moat men rekkenje de skoalmaster Herre van der Veen, in jongere tiidgenoat fen de Halbèrtsma's, dy't er wakker, foreare. ek in Grouster. Syn alden skreaunen hjar Gerrit Herres van der Veen en Wimke D. Hoekstra. Hja wierne skipper en fearnen op Hollan. hwet lykwols koart dürre. Hja rekken yn 'e lytse loege en moasten herder hjar brea oan 'e wal siikje. Sa waerd Herre in Grouster (berne 15 Maert 1816). Syn mem stjürde it boike faken nei de bakkerij fen Binnert om brea. mei it boadskip: „Fen 'e wezen, hear!" Hy boarte yn it hounnegat op it Eastein fen de tsjerke. Bet ter wird stie der mei gouden letters foar. Yn de pei, twiske it „gat" en de tsjerke stiene de deadbaren. De bern hiene der aerdich romte to boartsjen. It oantinken dêrfen joech him letter it earnstich ferske yn 'e pinne (Iduna 1852): Bernefinznis, Betterwirde! Yn 't alde Grouwergea Byld fen 't libben! Byld fen d'ierde! Lit my, „better wirden!" skiede, Ek treastfol ütsnikje yn 'e dea. Doel wier earst om him op to lieden for menniste dominy, hwent syn mem hearde ta in ald mennist laech, dat wol sinten hie. Troch omstannichheden moast dêr lykwols fen öfsjoen wirde. Hy waerd skoalmaster. Master Wolff fen Grou soarge for syn oplieding. As er foar de knobus moast, krige er fen syn learmaster it leksum mei: „Pas op, Herre, kom net mei de hoazzen op 'e kop thüs. hear!" En Herre rédde it der bést öf. Hy waerd fjirderanger (1833), trêdderanger (1835), twadderanger (1838) en wier as sadanich wirksum oan 'e Grouster skoalle, earst as kwekeling, letter as findermaster. Yn 1842 krige er de oanstelling as boppemaster fen Dunegea, dêr't er in hüshalden opsette mei syn sisters Durkje en Tryn. Dy giene wol üt to naeijen en den barde it faken, det hy se weromhelle. Hy hie sa'n joun wer de kost en dat woe him wol oan, hwent om fen skoalmasterjen allinnich to bistean, dêr wier do gjin kans ta. By gelegenheid, det er pizelers üt Grou by him hie, joech er syn moed lucht oan dit rymke: O Dunegea! o Dunegea! Hwet sitst my danich yn 'e lea! Wiern' al myn krediteuren dea, Dan iet ik gau wer Grouster brea. Mids dit earmoedzjen krige Fryslan him by it hert. De 22e Nov. 1844 forskynde de Iduna. It tiidskrift wier him as in iepenbiering, in oprop ta de Fryske striid. Sünt dy tiid liet er it Fryske wird yn it iepenbier hearre, yn foardracht, petear, lêzing en skriften. Hy skreau syn Rymkes foar Friezen (1844), gjin kost for rjuchtsinnige Friezen. Binammen de Ofskiedenen moasten hjar ergerje oan in rymstik as De Separatist, dêr't er de frijerij. yn biskriuwt fen Rinsk „yn it stille Parregea" mei in „fine kandatus" om den de draek to stekken mei de Heid. Katechismus en de swakheid „fen den fleese." Van der Veen wier nou ienris net yn steat om in tsjerklikgeasdike biweging as de Ofskieding to forstean en noch minder om de bitsjutting fen de alde bilidenis yn to sjen. Hy hie gjin oansluting oan de Kalvinistyke tradysje. De rjuchtsinnigen wierne him tsjerkülen, pilaerbiters en kwezels. Hy koe yn de orthodoksy gjin wêzen fen skyn ünderskiede. Mar ündertwisken gisele er de Fariseeër yn it Fryske hert. En dat wier goed. Mar hy forgeat, det der ek in hopen earlike, oprjuchte, rjuchtsinnige Kristen-friezen wierne, dy't er kwetste mei rymkes as: Douwe krige aparte lessen By pastoor yn 't waar geloof, lens do kaem er thüs by beppe, Och! hy koe se 't alde sloof. Earst forhelle er ho't er learde Do, ho wiis det Doomny wier, Ho der elk yn frommens libbe, Ho't er salvich gie en stie. „Ja beppe!" sei er, ,,'k hearde 't klear It hoantsje kraeide er: „Hal-le-lu-ja." De hintsjes keak'len: „Lo-lo-lo-lo-loof den Heare." Soks like op spot en it stiek de earnstige Friezen. Hja forbeane hjar bern sokke dingen to lézen en neamden it almenak, dêr't it yn stie, goddeleas. De „hnehaet" wier ien fen syn swakste kanten. Lokkich kamen der ek' oare klanken fen syn spylark. Hy wier tige muzikael. Op dwêrsfloit en hoele, piano en oargel koe er torjuchte, krekt in man om de weardije fen de muzikale poëzije for it Fryske folts to weardearjen. Sa bisocht er it Fryske mearstimmige liet by de sjongselskippen yn eare to bringen en yn 'e Fryske lieteboeken kin men den ek stikken fine fen syn han. Yn it Idunajier (1844) kaem syn Fryske Fjouwerstim, toalf fjouwerstimmige gesangen, op 'e Jouwer yn it ljocht. De wizen wierne meast Dütske en Hollanske meldijen. Djippe, earnstige klanken lit er dêryn hearre, lyk as yn It Grêf: Wylde, wylde sinnen Hwer hast dy op set? Hwet wy hjir birinne 't Grêf ontrinn' wy net. Hjoed is 't lust en wille Hwet wy foar üs ha, Moarn is alles stille 't Moat nei 't tsjerkhóf ta. Bodders yn 'e Fryske Striid " Minsken allegearre 't Grêf ropt: stjêrre, stjêrre! Skoaijersbern en prins, Ik bin allmans stins! Lokkich dy syn dagen Stiet hjir op 'e wrald, Nei Gods Wolbihagen Jezus is syn Hald. Grêf, slok üs dan binnen, Dea nim üs frij wei: Jimme bringe üs hinne Nei de iv'ge dei.' Dêr, dêr scill' wy wenje Yn 'e Himelstêd, 't Sjongen scil net eingje Dea, wy kenn' dy net. Syn ljeafde for Fryslan utere er yn dizze wirden: O Lan sa ald as ien Twa tüzen jier bistien As Fryske groun. ' Tins wy dyn glory oer Dan setst üs hert yn fjür Dan is üs neat sa djür, • De wrald yn 't roun. O Tael fen 't alde bloed! Dyn krêft sprekt frij en froed Fen 't hert tsjin 't hert. Bliuw ta wraldsein üs by! Us alden libje yn dy Dêrom forjitte wy Dat erfskip net. Yn it Dunegeaster tiidrek fait ek de ütjefte fen syn Clipsrymkes, Frentsjer, 1846, dy't him kennen leare as puntdichter. It binne priuwkes fen syn skerpe geast, dy't yn inkelde rigels in hele libbenssköging wer to jaen wit. De Mennist sprekt: Twa fingers? hwet in kwea! Sa doar men God oanroppe! 'n Falske eed bisward mei 'n eed! ien is der ommers boppe. Tink oan 'e Skrift, dy seit: Swar by nin ding, mar sizz': ja> ne» _ mei 't hert — dat dêrby (mülk) forgetten is. De anti-materialist seit: Us lichem is in aeidop lyk Myn frjeonen! As wy stjêrre Is 't neat; hwent it iv'ge pyk Komt üt 'e siel, de djêrre. De anti-doktrinair dichtet: De hele Bibel hjit Gods Wird. In wird, dat wy by tüz'nen léze. Mar 'k tink, dat 't mei inoar ien bitsjut, En dat kin neat as Ljeafde wêze. In jewieltsje is Snie: As 't ierdryk, kald en stiif, skynt yn 'e rouw to sitten, Struy' de Ingels lovers del; Foar eltse stjêr in stjêrke, om 't minskdom sjen.to litten, Ho't God, sa hillich is, sa great, altyd hjar Heit wol hjitte, Dy't de ierde oan 'e himel boun, sa fêst, dat neat hjar skiedt, O minske, set nin trêd op 't godlik sniekleed del, As tins, det God, as Heit, Syn ljeafde üs skógje liet. Do't er inkelde jierren yn Dunegea tahalden hie, seach er üt nei in oar plak mei better bileanning. Mar it woe yn it earstoan net slagje. Hwent it gie faken raer ta mei de baentsjestaparterij. Hy hat dat raek biskreaun yn syn boekje Schoalleforsjongerij as 't Sielewéagen by 't examen to N., dat er to Frentsjer ütjoech ünder de skülnamme fen Argus. Hy skildert it forlykjend eksamen fen 31 skoalmasters. De skoalleopsjenner en syn soan stappe üt it rydtüch foar it grietenijhüs en den büge alle 31 hjar mei de bleate holle her foaroer. De polysjetsjinner praet heech-hollansk en winkt en ropt: „Binnen, binnen!" De mannen wirde oproppen. De masters komme to sitten oan lange tafels. Do .skoalleopsjenner diktearret hif sommen en ien folsin oer it wichtige en forhevene fen it ünderwizersampt. As dat wirk dien is, kuijerje de sollestanten. mei de polysje foarop nei de tsjerke, oangappe fen in nijsgjirrige minskefleet. Elts langhalzet nei de kinsten, dy't de skoalmasters foar it ljocht bringe scille. Hja moatte op 'e rige öf sjonge. De eksamenaters halde oanteikenings op greate bogen pompier. Op it einbislüt wirdt men gewaer, det alles klearebare kommeedzje west hat. De persoan krige it baentsje, dy't men dêrta al foarornearre hie. Yn it foarjier fen 1847 lies master op in joun yn 'e Ljouwter krante de oprop fen gadingmakkers for it fekante Driesum. „Dat wirdt myn skoalle," sei er tsjin Tryn, syn sister. En ja man, hy krige foarspraek fen 'e gouverneur fen Fryslan, baron v. Sytzama, op Beslingastate to Friens. Dy syn soan hie er yn 'e Grouster jierren les jown en dy syn broer wenne op Rinsmastate to Driesum. It oargelspyljen byde skoalle-forsjongerij die de doar ta. Do't de taharkers dat hearden röpen hja: „Dat HERRE VAN DER VEEN is -is master 1 dy moatte wy ha 1" Sa waerd hy bineamd. Dêr is in boek fen op to meitsjen hwet er yn Driesum bilibbe hat. Grif mear leed as wille, mear ünrjucht as rjucht. En dochs hat er dêr. wenne as in ynlik-frij, Frysk man mei in iepen each for it Fryske libben en it Fryske gea. En yn spyt fen alle lést en moeite wist er treast to hel jen üt de poëzije, dy't opwalle üt syn hert. Sa song er fen syn doarpke: Andrieshiem wier Driesum Ienders yn 't skieraid Ieuwen blonk syn namme üt, Yn 'e fryske wrald. Hallum stifte in kleaster, 't Wier yn 'e alde dei, De earste abdis, Geartrude, Kaem üt Driesum wei. Hearr' w'üs terp mar neamen Den is 't: dat's de groun Hwer de ald' Canterstate Kirtlyn fen fordwoun. Bonninga stie eren Hwer't nou Rinsma stiet, Willem Bouma wenne er 'n Edelman yn 'e died. For syn frijheidsljeafde Hy it lean het foun: Daet waerd hy to Brussel Man fen 't Ed'le boun. Ek in Dries'mer master — Master Joukes wier 't — Brocht de frijheidsljeafde Iendris yn fortriet. Ho ljeaflik en gemoedlik wist er mids alderlei ilinde to skriuwen oer it Fryske geafolk yn De Kaertlizzer, in story der 19e ieu, troch it Selskip bikroane en ütjown (Ljouwert, 1856): „len hüsgesin liket de hiele streek. Nin lytse komt der to wrald, eft elk hüs wirdt oansein en noege om gau ris oer to kommen. Nin deade wirdt der to hóf brocht, eft alle man komt der by to pas, en elts dielt sines mei om 't jinge der nedich is by de bigraffenisse, fen stoellen, tafels, thégur, smokerij ensfh. Nin nijeling komt deryn, eft hy wirdt ynhelle. Nih geafrjeon forfart eft hy wirdt ütkonfoaid en weibrocht. Nin meidslach wirdt der dien eft lyts en great wit der fen. Nin gearjefte wirdt der jown en nin brilloft fierd eft jong en ald wirdt oansein en bean op 'e breidstriennen. . Stille, ienfaldiche kriten! Ho effen rinne jimme de baen der wrald, by it drokke stêdsgewoel. Ho krêftich printsje jimme de lotgefallen der minsken yn al hjar bysünderheden yn 't herte der gealjue, sa nau foriene mei de wiere en reine natuer. By jimme moat men hünderten-jierren-alde stoarjes fen müle ta müle yn wêzen halden sjen, om in tinsbyld to krijen fen de skiednis der earste minsken en aldste slachten, ieuwen nei hjar bistean troch Mozes' pinne boeke. Yn jimme wrald moat men forkeare om de natuerlikheit der dingen to neisten by wer to jaen, sa 't se foarfalle. By jimme moat men it libbensbyld oanskögje fen alles to neamen by de rjuchte namme; alles to neamen mei wirden yn styl der Hillige Skrift. Mei ien wird: der is it hiele libben ien biskriuwende poëzije Ienfaldige lansdouwen! noch sa farsk üt 'e han fen 'e Greate Makker, formeard, jimme brakken en poelen en wielen, jimme blomte en griente, jimme fügels en beamte, jimme fé en jimme minsken ha hwet oan hjar, dêr't it swiet der falske biskaving gjin rook oan hat." Net lang nei syn komst yn Driesum, scoe him it swird fen Damokles al boppe de holle bingelje. Hy wier in great foarstander fen helpen en goeddwaen. Krapte en lijen koe er net sjen. Hy helde goeddwaen as in plicht, dêr't er net oan üntkomme koe. Hinde en earmoede biskóge er as fijannen fen it minskdom. Sa kaem hy er ta om yn 'e krante iepenbier to meitsjen, det syn beppe troch hjar snoar en hjar soan yn Grou, dêr't hja op 'e souder siet, noch minder as in houn bihanle waerd. Dat krantenijs en de dea fen it ald sloof kamen tagelyk. Hwet barde? Der waerd in forfolging ynsteld tsjin de skriuwer, dy't it stik Ünderteikene hie. It fonnis wier: sa lang sitte, earleas-forklearing en it ampt kwyt. Ho de man do gesteld wier, lit him better tinke as biskriuwe. In adres fen Driesumer ynwenners oan 'e Kening mei forsiik om graesje waerd ófwiisd. Letter op 'e nij in selde forsiik mei as earste ünderteikener de soan, hwer't it ald minske Onderdak hawn hie, biwirke graesje. De straf waerd omset yn opsluting for in moanne yn 'e Kanselarij. De tiid, dat er dêr siet, hat er noch tsjinstber makke oan it Frysk. Hy fortaelde nammentlik van Alphen's Lïtse Rimkes foar Bern, de Jouwer, 1852. „Myn lean as forfrysker" ~ sa skreau er yn it foarwird „scil great wêze as dit frjemde broekmantsje om syn froede sin lykme allinne in inkelde wearklang üt in from bernehertsje opwalje en my „sljucht en rjucht" tomiette klinkje litte mei." En nou koe den it Friez'ne bernefolk yn 'e memmetael léze en leare fen: Sare, üs alde baker Dy wakker kin fortelle fen: Jezus is in bernefrjeon Hy wol Him oer üs ontfermje fen: Myn giseltop wol sonder slaen net rinne Hwent hald ik op, sa rint er net en fen: Johannes hie in glês ynjagge. As bern fen 'e „Forljochting" wier van der Veen in fülbandich bistrider fen it bygelove. Yn 'e Driesumer kontreijen ware noch safolle fen dat Germaenske heidendom roun, det er him skrap sette om dy woekerplanten üt to roegjen. Elts dy't Frysk folklore bioefenet moat syn De Wylde Lantearne, Dokkum, 1855, léze en kin dêr it hert ophelje oan dy mirakels fen skynsels en sa, foartsjirmerij en foarspraek, kopkekiken en hounebyljen, horloazjetikken en imerkesjongen, dreamen oer dit en dat, klok-raer-lieden, bliere DRIESUM deaden, krüskekaei-hifkjen, holle ünder 'e earm dragen en al sok animistysk gedoch mear. Nei syn bitinken wier der mar ien middel om dy wylde ranken üt de foltssiele to fordylgjen, n.1. it ünderwys. En dat forhearlike er yn it rymstik Oars is 't nou! Ien ruwkerke foar 't Schoolwezen, Ljouwert, 1859, dat er op in Nutsjoun foardroegen hat. Syn namme kaem op it omslach to stean mei de neifolgjende titels: „Skoallemaster, foarlêzer, orgelist, kloklieder, bibelwarrer, haechsnoeijer, tsjerkhofskoffelder, strjitwüdder to Driesum, en foarsjonger to Walterswald." Ho heech er it for- stén sette yn de opfieding fen 'e bern, kin men wol opmeitsje üt dizze rigels: De alde spotspreuk: hündert masters Minus ien'... bistiet net mear, Twa, sa goed as do twahonderd, Smite nou dy blaem omfear. Foarmje leden der Gemeinte; En de saek fen Jimme is wis! Foarmje leden for Jimm' Rieden, Nei de nijste üntwikklingstried: — Lear se logysk redenearjen; Logica skaft altyd ried. Foarmje leden, net yn 'namme, Mar de nije tiden bij; En ik bin Jimm' boarch, myn hearen! Sjuch: de tiden scil it leare; Mei m' ek jierren 't spil yet keare Foarmje leden, 'k Siz 't up nij, Fiks is 't wirk, op 't wird fen mij, ' Klear de Skoallemasterij! It docht üs tige nij, det in snedich puntdichter, hwaens krêft laei yn it epigram, en dy't op skoalle gie by Huygens en Staring, nocht hie oan Tollens' Overwintering der Hollanders op Nova Zembla (1819) en dy in fjirtich jier letter yn Fryske oersetting ütjoech. Hwent Tollens wier wakker sentimenteel en siet fol opskroeve oandwanings. Mar dat is ta to skriuwen oan 'e foardragerij. op Rederikers- en Nutsgearkomsten. For de Fryske boargerij wier it weelde mei triljend lüd en brede gebearten Tollens syn steatlike Alexandrijnen troch de seale rölje to litten. It bourgeoisliberalisme, dat leech by de groun wier, socht ophef yn misliedende geastdrift en bombast. Der kaem yette de nasjonale idéé by. Men woe in fmdeldrager wêze fen Nederlanske ropping en gloarje. Sa waerd Tollens de dichter en van der Veen syn oersetter. It wier in hiel krewei sa'n fers fen 716 rigels to fortalen. Hy krige it klear yn 1848. Tiede Dykstra scoe de korreksje ha, mar earst yn 1861 seach it dichts tik it ljocht. Hjir folget in fragmint: 't Wier grousum rou in kald, de snie — in heiljacht fleagen, Troch Wynlieuw pytsce in dreaun, hjar fuwl in scerp yn de eagen. It friest oan 't bibbrjend liif, in 't scip weeft hinne in wer; Hja poeste fen 'e stoarm, matf raeste — aloanl nen ker. In den sluwpt wiif en bern it moedleas herte binnen; Mar 't tyskjen fen 'e kjeld docht 't wurk hjar wer beginnen. 'n Hjir draecht ien proviant in roal't de boaits oan wal, Of sleept ien kiste of bael mei want of scoat of fil; Dy bringt it huwsried op of samlet kruwd in wapen. In pakt de koeren fol, mei 't jinge er wist to kapen. Wer oaren sloerkje oer't üs in scouw' de boat oan lan, Dy timmerje sliden in hja gonge lans it stran, In dwale, milen fier, om beam, of stamme, of stobbe, Dy hjir, hwa wit wer wei! — befeazen in bedobbe, Binne oanwaeid: beammen wol yn't hiele hear in fear; Hja bring' hjar fracht nei honk, steaplje op in helje mear; Sa hald 'se al pielend oan mei toagjen, bringen, pakken, By de oafbraek fen it scip daer oaren kloek yn hakken. De spoenen stouwe er nei, dat boeket elk syn baest; Ho mear't de foarried wint, ho min't ma tinkt om raest; — Allinne mei de nacht — den staek' se it wurk in weitsje, In sliepe yn 't rom om bar, om.nimmen quyt to reitsjen. Alhowol van der Veen yn hert en nieren in foarstanner wier fen it iepenbier ünderwys, üntgie him net de greate fout om de bern al mar kennisse oan to bringen. Hy seach mei in klear each, det soks ütrinne moast op it drilsysteem en op harsen-oerlading. Dêrom skreau er it rymstik: Curaters, weits! of Hwet Moike, ewen foar hjar dead, sei. In wirdke foar elts dy to dwaen hat mei de nije Scoallewet, Ljouwert, 1861. Moaike is bigien mei hjar famke. Hja eanget fen it ier-ripe. Hjar famke moat lang in famke bliuwe. Ut it redde omhegenkliuwen komt net folie goeds. Mem Natuer wit fen gjin sprongen, 't Is op hjar wei „langsum mar siker." Wol wirdt hja laet, mar nimmen straffeleas twongen. Moike warskóget for de drilmasters, ek for de flmeltizers, ek for de evangeelje-oaljekopen. En den pleitet er for de harmonyske üntjowing fen geast en libben by it bern. Moike seit: Myn dochter moat, boppe alles yette, De skat, dy't God yn 't hert hjar leit, Troch 't ünderwys net farre litte, ik mien de soune froaiikheit. 't Is pryslik, det jimm' keken binne Yn hwa't bern scil ta liedsman ha; Mar tink net om de geast allinne; Syn timpel komt dy eare ek ta. Sa immen — moat it skoalbern amje Yn suvre lucht, by fleur fen ljocht; 'k Moat yet my foar myn migen skamje, Det 'k dêryn net hjar bést mear socht'! lens groeit mar 't lichem, — 't net forjitte: 't Jong knoeid, helpt dêr gjin mastrjen oan, Sa net de geast: — faek boppe miette Dy ütblonk, hjitte er jong bidoarn. Hwet dreger skaei scoe Neerlans wêze, As hwer it nou op delsjen mei, Mocht mem Natuer üs mear bilêze Lyk as se it die yn de alde dei. 't Onstoflike is yn 't stof bisletten, In riedsel bliuwt üs 't nau forban; Mar... wirdt it iene om 't oar forgetten, Wy slope oan 't pronkstik fen Gods han. Lit frij 't bern r o p fen frommens misse, Ho ryk yn soart', ta seis... onfromm', Komm' se op 'e skealjen fen 't gewisse, Foar 't each fen 't reine Kristendom." Men kin üt alles sa merkbite, van der Veen moast uterje hwet yn syn hert en brein omgie. De skoalmasters-, Krite- en Nutsgearkomsten op Damwald joegen him dêrta in wolkomme gelegenheid. Men kin dy taspraken, rimen en deuntsjes net heech oanslaen, mar men priuwt der altiten de earnstige man üt, dy't syn tiid ünder in skerpe krityk nimt. Hwet is syn stikeldicht hymjend tsjin de „dompers," dy't prate oer genede en bifinings en de pong forgoade as de baes fen 'e ganske wrald en dy't freeslik bidde en oaren in rêd foar 'e eagen draeije. Ik bidoel Geast end Pung, Ljouwert, 1868, dat er in Nutsdeuntsje neamt, en dat yn einleaze variaesjes hearre lit de wierheid: Hwent 't is troch 'n bank de gong Det de geast heart nei de pong. En den ta bislüt dizze twa ferskes: 't Sij de pong dan mei bihearre Ta de geast eft n e t derta, Sjuch! der wy yn üs gewisse Ek in suv're weachskeal ha', Dy net freget: „geast eft pong?" Mar üs hifket nei üs gong. Litt' wy beide foar't se binne Foar hjar brükers; hwent de died Makket üs ta hwet wy binne; Net hwet üt üs müle giet. Geast en pong fiedzje ingietael — Minskedwaen — dat is 't prinspael. Yn 1870 waerd van der Veen skorst as boppemaster to Driesum. Dy slach foei net ünforwacht. Al lang siet hy mei de boargemaster, baron van Sijtzama op Rinsmastate yn tsjok waer. Hy wier gjin man om de adel nei de eagen to sjen, mar lake om hjar pretinsjes. Ljeaver iet er droech brea, as weelde to smeitsjen yn slavernij. It gie faken hird om hird, ek mei oare autoriteiten. De tsjerkfadij soarge der net foar. det hy in brükbre bibel yn *e tsjerke hie. Syn kleijen dêroer joech neat. Dat fortrette him yn 't ein en do barde it op in kear. det er foar it boerdtsje stie en sei: „Gemeinte, de müzen ha de krinten (Korinthen) opfretten en fen 'e Philippenzen ha se de kop ek al öf. en nou lêz ik foar üt dit boek. üt myn boek. üt myn bibel." en by de léste wirden sloech er mei de füst op 'e bibel en koe de baron yn syn bank yn e tsjerke it dwaen mei master syn gesicht. Ek yn 'e skoalle hie master mei in Ünlijigé holle pik yn it fjür dien. Dêr moast er for boete. In learling hie it forroune fearnsjier it skoallejild noch net bitelle. Hy kaem it earste skoft fen it nije fearnsjier wer. De polysje sommearre üt namme fen 'e boargerfader om dat bern daelk foart to stjüren. Master foldie der net oan, mar liet om toalf üre de jonge mei de oaren üt en joech him in briefke mei, dêr't ynstie, det er net werkomme mocht, sa lang it skoallejild net bitelle wier. Dêrop folge de skorsing. Letter bleau de forhalding min. Do't baron Van Sijtzama Febr. 1871 syn silveren feest as boargemaster fen Dantumadiel haldde en dêrnei in bitankje sette yn 'e Ljouwerter, liet master der in atfortinsje ünder sette i „Ik forklearje gjin wirkjend lid fen it ünderwizerssélskip en net portretteard to wêzen om as bliuwend oantinken fen it jubileum to pronk set en op syn moaist ophongen to wirden." Ek liet er printsje it rymke: In doarp mei in hear is in lok, In hear mei in doarp is in flok. Men kin it léze yn syn boekje Frijmitslerij oer godtsjinst, maet- RINSMASTATE TO DRIESUM skippij, natür, politiek, sedekinde, tsjerke en opfieding mei itlike photografykes as tajefte, Dokkum, 1871. It is in samling „ütfallen fen ynfallen," eren yn 'e Fryske Krante pleatst ta blêdfullingen. Hy wist der yn üren en eagenblikken, dat him it libben tige wrang makke waerd, „syn froalik sin —• dy bonge, dêr't in minske sa skoan op driuwe en swemme kin op de faek balstjürrige wraldsé — mei to biwarjen." Hy Üntjowt him dêr ek as in pleitbisoarger fen it modernisme, dat yn FryslSn wolsprekkende en manske wirdfierders hie yn Ds. Carpentier Alting to Dokkum en Dr. M. Niemeijer to Snits. Hy rymke: Hwet ek foroarje mei ef stjêrre 't Moderne net, Sa lang de wrald de Man scil hearre Fen Nazareth. En: Natür boppe lear? Nin bibelgod mear. Hy is mear frjeon fen 'e Natuer as fen 'e tsjerke: O skeinen Der Sneinen: Oan skoen mear to forrinnen As oan 'e siel to winnen! En: Nin malder melodij As tsjerke piperij. En: Hwer is mear eigen lof to merken, Mar — ek mear stank — as yn 'e tsjerke. Hy giselt de dominys: Hwet mei de tiid foarüt mei gean — Us preekstoel bliuwt al stokstiif stean. Stiet domeny Sneins sa bjustre heech, Och troch 'n dei ek fiers to leech. De hnen krije der fensels ek fen lans: Ja, de alderbryskste ünsidichheid, Wol ea hjir to bikommen, Is hy dy de holle op side leit Fen üs saneamde trommen. Fierders hikelt er de foltssünden': rabberij, dranksucht, jildsucht. Ho snedich is dit puntdicht: Tabakspijp en jeneverkantsje! Jimm' litt' hwet wünders sjen: It boike'smookt him ta ald mantsje, De man süpt him ta bern. Men scoe trochgean wolle mei sitearjen, hwent eltse blêdside bifettet eksimpels fen koartdicht. Forliket hy yn syn ünstjerlike epigrammen op de Fryske dichters de Halbèrtsma's mei de Dütske broerren Grimm, en Tjalling Halbertsma mei Herman Laurens Spieghel, wy neame him de De Genestet fen it Fryske modernisme. Dy't dit biskriuwe wol, forjitte v. d. Veen foaral en biljeaven net. Yn al syn skriften iepenbierret hy him as in skriuwer, dy't de Fryske. tael mansk wier en mei great gemak bihearske. Dy tael wier him hillich. By him kin min it earst fen alle Fryske skriuwers it tinkbyld oantreffe det dêr in forbining is fen de Fryske foltstael en it gebet, in tins dêr't de fierste konsekwinsjes en perspektiven yn lizze. Yn de Swanneblommen fen 1850 joech er dit ferske in plak: FRYSK IN BOEREFRYSK. Bruwkt me üs tael for laffe setten, Flantrich, bot en rüch en rau, Wirdt hjar ófkomst smoarch forgetten, Wirdt m' hjar namme eak den ontrou; Siz net Frysk, — mar Boerefrysk. Mar kies ik hjar yn myn bidden, Net foar minsken mar. foar God, Suver, tear yn al hjar lidden, Driuw' nin Fries mei hjar de spot; Siz net Boerefrysk'— mar Frysk. Hy koe it net goedkrije, det Waling Dykstra bigoun mei Fryske winterjounenocht en skreau yn 1861 dêrtsjin it rymstik: Protest op 't Fryske winterjounenocht en üt datselde jier is dizze bea yn Iduna: O memmesprake, sljucht en rjucht, Lied nea ta wyld formeitsjen En Hy dy't jerne d' ienfald sjucht, De boarn-ier fen üs ivich nocht, De Stiper fen 't sljucht en rjucht Scil ivich oer üs weitsje. It bisaude him, det it Frysk sa'n fijannen hie. „Dêr ha jy — skriuwt er — „de dominys, ho orthodokser ho fijênniger." De HOLLANDERS OP NOVA SEMBLA, th ra otees I50G n 1597. H. TOLLENS, C*. Forftyskc fen H. O. van der Veon. soldaten net to forjitten. Hwet sprekke hja folie ljeaver en „better fensels" it Hollansk as it Frysk. En den de skoalmasters, hwet dogge hja oan it Frysk, m ©mwm7EM¥\® vn 'e skoalle allinne net, De» mar yn it forkear, yn 'e omgong mei it folk, mei konfraters, en mei ljue üt in heger stan, dy't to fornaem hjitte of binne om er Frysk tsjin to praten." Hy wier ek tige krekt op de stavering. Hy koe it lang net goed krije, det men bygelyks it wird alteast sür^der r skreau. Earst wier hy ünder ynhoed fen Sytstra in foarstanner fen de Iduna-stavering, mar letter briek hy dêrmei en yn 1879 skreau er oan ien fen syn frjeonen: „Komtüs nije boekstoaijing noch hast net yn it ljocht?" Dit oangeande wist hy mei syn tiid mei to gean. Buten de skoalle-üren joech hy les yn Frysk om de memmetael to stypjen. De 9de No- vimber 1881 laei van der Veen it byltsje der by del. Seis jier ryklik hat er genot hawn fen de rêst. Yn dy tiid wier er altyd like warber: skreppe for it Frysk Selskip, stikken skriuwe yn it Friesch Volksblad, Forjit my net, Swanneblommen en oare persorganen, lêzings halde op gearkomsten. Seis dagen foar syn dea die er noch in pleitrede op de arrondissementsgearkomste to Feanwalden for de skoallewet fen 1806. ljouwerd. G. T. N. SURINGAR. 1861. Titelblêd fen De Oerwintering der Hollanders op Nova Sembla. In siikhêd hat er net hawn. De léste fjouwer jier klage er oer syn boarst, mar dat waerd net teld. omdet hy wier in gewante kearel, sa rjucht as in kears en mei in soune sköging. De 13e fen Hjerstmoanne scoe lykwols syn stjêrdei wirde, al wier it er de jouns noch net oan to sjen. Hy krige in prater, in goekinder üt Moarmwald, syn léste wenplak. „Jo hoege hjir net to kommen," sei er tsjin de man. Sokke setten typearren him; hy woe sizze: „Jy binne der al." Inkelde üren letter wier hy in lyk. For him in dea nei winsk. Hy eange fen lang omtoarkjen. O. H. Sytstra bitocht him mei in fers „Ta in oantinken" yn Swanneblommen (1888), en neamt him: In krêftich strider stees foaroan yn 'e rigen Stees stribjend nei it ljocht: foarütgong wier syn wird. Gjin krimpjaen wist er fen, hwa 't as partij hy krige, Hy swaeide fol fen fjur for frijdom trou syn swird. Gerben Postma to Moarmwald, dy't mei him bifrjeone wier, skreau my oer him: „Ik wit ho en hwa van der Veen wier en mei syn lek en brek forearje ik him heech as dy't uterst seedlik, forstannich yn syn tiid himsels üntwikkeljend, ünselssuchtich en earlik fen krakter wier. O ik wit: dy man hat waerlik net op roazen „wandele," ik wit men hat nou noch folie op him to lekskögjen, mar... wiemen der mar sokke van der Veens folie. Det er „stikelich" wêze koe, scil wier wêze fen eardere jierren, mar forklearber by in man dy t sa'n striid bihbje moast. Rjuchtuter, earliker hab ik net of seltsum oan troffen." Nimmen scil Herre van der Veen in great dichter neame. Dêrta mist er de forbylding en hertstocht, de foarmkrêft en de kinsthrdichheit. Ek skreau er tofolle yn in trant dy't er him njunkelytsen eigen makke hie. Sa moast er alderlei middelmiettigens üt syn pinne komme. Mar men moat him weardearje om syn ljeafde for it puntige en geastige. Syn oanliz wier forstanlik. Syn fersen rinne net op röltsjes as fen Waling Dykstra. Sims is syn wirk tsjuster, mar ho faken ek pakkend troch geastige sizzing en ienfaldige minskelikheid! Hy stiet büten en boppe it banale fen hopen Fryske skriuwers. Sjuch: O. Sytstra, yn Forslach fen it Fr. Selsk. yn Forjit my net, 1888, bl. 108—110; G. Postma, Us Fr. dichter H. G. v. d. V. Slj. en Rj. 1907, 212. JENTSJE SYTEMA AS men nést de Wassenbergh-skoalle ek prate wol fen in Halbertsma-kring, den moat men dêrta rekkenje as ien fen 'e earsten Jentsje Sytema, hwaens mem hearde ta it Halbertsma-laech. Syn heit, Sytse Aukes Sytema, dy't earst skipperij hie, gie letter ta it boerebidriuw oer yn it wetterlan fen Gron. Syn mem Dirkje Jentsjes Halbertsma, wier in nift fen Dokter-om, en lyk as hjar wiidforneamde neef mocht hja graech oer in grap. It gie hjar altiten sa snedich óf. Sa sipere Jentsje, de tredde fen 'e acht bern, Halbertsma-bloed troch de ieren en omdet it mear as uterlike femylje wier, scil it op 'e lettere skriuwerij wol ynfloed hawn ha. Hy kaem to wréld 28 Sept. 1824 en sief earst op 'e skoalbanken to Grou, letter do't syn heit it skipperjen oerjoech to Idaerd. Hy hat dêroer skreaun yn in soart fen autobiografy-op-rym, dy't spitigernöch net to'n ein en yn it ljocht komd is. As Fader Cats rymt er: Nou wier 't mei 't skoallegean yn 'tGrouster gea den dien, En bin fen do óf den nei Idaerd ta gien. 't Gyng hjir ek al hast as by dy oare hearen d' Ald master wier in man fül op 't learen, Dy't us yn de skoalle net om to boartsjen hie, Mar 't allerljeafst seach dat elk syn wirk der die, 'k Mocht skielik ek al wer syn wolgefallen smeitsje, Binammen wier 't to dwaen in opstel ré to meitsjen Ef dat men léze moast, forsteanber en mei styl, Wol man, den skeat ik gong as wier 'k in böge en pyl, Den stie 'k op nfimer ien; mar wier 't to dwaen om skriuwen, Den tsjinne ik follentiids hwet efterüt ta bliuwen. Den wier er noch in punt, dat mei ik net forswije, Dêrtroch hie 'k master hast wol ta partij kind krije En my dêrom hast yn 'e gaten hie En tocht dat 'k op dit punt sa'n bytsje wazich wier. 't Bigjin der rekkenkinst dat woe al aerdich leare, Mar do 'k hwet fierder kaem, do woe 't mar niks net beare, Rig'le ien, twa en trije ek fjouwer gyng moai flot, Bodders yn 'e Fryske Striid 36 Mar rig'le fiif sjedêr! bleau sitten op it gat, Hwent rig'le fiif wier de rigele fen trijen En dêr wist ik 't bigryp net efter do to krijen. 'It holp de man gjin bean hwet flyt er oan my die, As 'r sei dat jellens hjir ta jellens ek wer stie, Sa gounen stean ta X, 't wier allegear like folie, 't Klonk my wol yn 't ear, mar 't kaem net yn 'e holle, Dat 'k it fiks biripe koe; ik bliuwde oaljedom En sloech de blêdden dan mar wer nei foaren om. Sa bleau 'k dan like fier, 't woe niks net awenseare, En 'k tocht faek by my seis, 'k scoe earder heksen leare As dat ik troch dit trijris dübel doelhöf kaem, Dat m' ai to folie tiid en praktesaesje naem. In eachsykte die oan it learen ek gjin goed, sadet Jentsje de skea letter ynhelje moast. Hy skafte him it rekkenboek oan fen van Olm en hwet op skoalle net flotsje woe gyng do fen in laeijen dak. Nei in set forfarren syn alden nei Wirdum en do nei de Geast (1844), dêr't hja op 'e pleats Bütenwiel fen 'e hear Chevallier üt Ermelo kamen to wenjen. It wier mar min, ütsloerd lan, folie ütgaven en gjin gemaek, sadet efterütboerkjen net ütbliuwe koe. Elts mocht Sytse Aukes folk graech lije. It wierne béste, froede ljue, mennisten, fen it echte laech, mar net sa stimmich en bidaerd as dy fen Balk. Hja gyngen Sneins nei de formoanje to Damwald. Mem hie it oars net stean op 'e dominys en koe wol ris sizze: it binne wiismakkers. Hja hiene allegearre hwet fen memme bizigens en de jongfeinten hawwe mannich fyt ütset. Den wier it bygelyks: Jonges, der is mounlewyn, de mounlen moatte ris mealle! Den gyng it nei de pöle, dêr wier it ynspanne, mar den waerd tagelyk mei mannemacht de mounleskroef ütheake en fensels den koe it lije. Oaren dy't dat net wisten seinen: Sjuch, Sytema syn mounle giet, en der waerd den ek ynspand en yn in hoart draeiden alle mounlen yn it hiele gea. En den laken de jongfeinten yn it füske, det hja de ljue sa by de noas hiene. Einlings waerd de boerkerij der oan jown en it tolhüs hierd, det it eigendom wier fen 'e greate tsjerke op 'e Geast. Men koe der ek in slokje keapje. De jongfeinten gyngen üt to arbeidzjen by de boer en heit rekke oan it mollefangen de hiele Walden troch. Sa kaem men troch de tiid, men koe elk sines jaen en oan fleur mankearre it net. Op in winterdei siet in kliber jongfolk yn it tolhQs to jounpraten. Ien foafal wier tige drok en hie de müle yn 'e beide hannen. Heit tocht hy moast ris delset wirde. „Jonges, sei er, ik haw hjoed in reade molwrot fongen ünder Driesum." — „Hwêrom haw jo dy net meinomd?" foei Rap-yn-'e-müle yn. — „Nimstü den ek dy reade faem mei, dystü forliden Snein hawn hast?" wier it andert. It tolhüs davere yn 'e pannen fen it laitsjen en üs maet seach raer by syn noas del. Jentsje boaske yn Juli 1851 mei Tsjetsje van der Woude en bigoun in winkeltsje mei genierkerij, dêr't er it lan for hierde, mar net fet fen waerd. Nou hie syn wiif in broer dy't setboer wier op 'e Haule. Dy rette hjarren oan in hüs mei hwet bou en in lape heide to keapjen yn Haulderwyk. Dêr koe men for in foech tüzen goune wol klear komme. Sa rekke Jentsje mei it wiif dêr hinne. It spultsje lykwols joech in bulte wirk mar in bytsje hunich. It laei oan 'e feart to Haulderwyk Boppe en it hie foer for ien kou en in pear skiep. De bou bistie üt ierappels, rogge, earten, beannen en hwet tüngüd, krekt genóch for eigen geriif en for de baerch dy't der fen mest waerd. Om der hwet by to fortsjinjen bigoun Sytema yn 'e winter fen 1862 mei de Fryske foardragerij. De kameraet, dy't er mei him op ütteach wier Auke Boonemmer to Hirdegaryp. Winterdeis hie dy as ferwer net folie om hannen en soppe 't sadwaende by him ek net rom.. Sytema hie dêr femylje wenjen en do't it ris mei Boonemmer sa to praet kaem oer de winterjounenocht, wier de saek gau biklonken. Trije winters hawwe hja sa meü'noar reizge. En do weage Sytema it mei syn soan Johannes, dy't in jonge wier fen sahwet fyftjin jier en nei it sizzen fen Ds. Wassenaar in tüke frageleardèr. As er de fragen sa glêd opsizze koe, hwerom den ek net syn heite rymstikken? It wier lykwols in heikerwei om simmerdei in stel nije foardrachten gear to stallen. In great laei gyng mei de bou op en kaem üs bodder hwet yn 't sin, den waerd it gau opkalke en ünder kofjedrinken ef nei it jounmiel op pompier brocht en ütwirke. As er earst mar in ding goed to pakken hie, roun it fluch fen steapel, hwent hy koe rime tsjin 'e béste. Fen 1865—69 hawwe heit en soan foardroegen op winterjounenocht to Hearenfean, yn e Knipe, to Skoat, Tubbegea, Katlyk, Wolvegea, Gersleat, Tsjalbert, Hemrik, Duerswald, Lippenhuzen, Drachten, Koudum en yn ytlike doarpen fen 'e Dokkumer Walden. De yntré wier in kwartsje en dêrfor krige men den sa'n fiif, seis stikken to hearren. It bigoun mei in foaröfspraek: Heechearde hearders en hearderessen 1 Hear üs foardrachten oan mei in goedginstich en taei gedild; wêz net erchtinkend, mar neitinkend; formeitsje jimme frij ta de teannen üt, hwennear soks pas jaen mei; smyt alle foroardiel oan side en diel al sa net de heling fen hjar Dy't jimmerwei, mar to ünrjucht De deuchd siikje yn in treurich wêzen, Der 't neat as leed is üt to lézen: God weart gjin onskulds wille en nocht, De droefnis sprüt üt 'n üntefreden, De blydskip üt in tankber hert, Dat frij is fen de bangste smert, Frij fen onnutte swierrichheden. Dit is in plicht, dy 't op üs leit: Dwaen goed, wêz bliid üt tankberheid. Nei dit foarwird stieken hja hjar foardrachten öf. Ik kin dêr it neifolgjend listke fen jaen: 1. It wralds birin is jild to min. 2. Twa kibje beide skuld, petear fen baes bakker en de slachtersjonge. 3. Frouljue's emancipatie, petear fen Toan ferwer en de snidersfeint. 4. De iene minske is de oare brek, petear fen boer Knypstra en de jonge mei de koer. 5. Tiidkoarting, petear fen in pear sneinsfeinten. 6. It oarde boask. 7. In earste en twade brief üt Amerika. 8. Ut nead in deuchd, petear fen Hein en Rein, twa boerefeinten. 9. Sollisiteare, petear fen 'e boargemaster en greate Sjiik. 10. It frije stimrjuchte petear fen boer Haeije en boargemasters boadskipsrinder. By myn witten binne dizze petearen noait net printe, hwet wol spitich is. En Sytema moat noch folie mear skreaun ha, mar de tiid hat in diel forsliten, in oar diel is ütliend en tosiik rekke. Lokkich is de Katechismus fen de leare der Wierheit, der 't boer Pibe syn lytsfeint yn ünderrjuchte (1878) biwarre bleaun. En as wy op dat petear to seil gean, den wier syn wirk goed yn 't salt bibiten, oantreastjend ta neitinken en stie it folie heger as in hopen lêbbige stikken dy't in flneare binne fen üs tael. Sytema hie den ek altiten in peblyk dat him mei oandacht folge. Ienkear yn 'e Knipe allinnich roun it yn 'e hobbel. It wier Nijjiersdei en de seal fen Kort yn 'e Posthoarn siet stampende fol, mar it süpen en bealgjen dy deis makke it folk üt stjür, sadet der gjin stilte to krijen wier. Dat founen üs foardragers sa min, det midden yn it petear haldden hja op, pakten hoed en stok en gyngen der fen troch. Hja rounen de hiele nacht troch en kamen de moarns thüs sünder fortsjinste. Dat is hjarren lykwols mar ienkear oerkomd. Do't yn 'e sauntiger jierren de doarpskomeedzjes bigounen op to kommen, rekke de winterjounenocht hwet yn 'e Onderwal en joech Sytema it reizgjen der oan. Hy hie sa troch in dei net folie praet, mar as it der op oankaem wier er goed op it wird biret. As jongfeint pielde er graech mei boeken. As it büsjild soks taliet, kocht er Frysk forskaet. Ek krige er fen de iene ef oare goekinder wol Fryske stikken to lézen. Foaral it Fryske jierboekje De Bijekoer, dat yn 1845 earst by W. J. Bruining, letter by E. Ippius Fockens en noch letter by T. Telenga to Frentsjer ütkaem, foldie him wakker. Binammen yn jiergong 1849 foun er in stikje, dat skoan mei syn natuer oerienkaem, to witten De pompierkefrijerij fen skoalmaster Doede. „Nou moat men net tinke" — sa fortelt er seis — „dat dat stikje my sa skoan foldie, derom, dat dy feint sa'n rare reis krige troch dat brieveskriuwen mei dy bitoefte faem, né, yn 't alderminst net, hwent soks griist my altyd oan, mar ik foun it stikje op him seis heel aerdich en der wier, nei myn wize fen sjen ek yet wol hwet learing üt to heljen, binammen for sokke feinten dy er altyd mar op 'e dolle roes yn rinne, lyk as de bolle yn de reak." Do't den De Bijekoer fen 1850 yn it ljocht kaem, moast er dy ynienen hawwe. Dêr scoe er wol wer hwet yn hne, dat him hage; en alteast koed er dêrmei de lange winterjounen yn 'e hirdsherne forkoartsje. Hy foun dêr in stikje yn oer in dream fen in jongfeint, dy't dreamde det er op it Suderhaed to Harns in ünhjirmlik greate bok fen trijé lange groubalken stie, flngelike folie heger as de Harnser toer. Yn dy bok hinge in ünbidich great koalsiedsou, net lytser as it wynfet to Heidelberch. Dat sou gyng mei alle gewelt boppe dy koer hinne en wer. It wier fol feinten en fammen en dy fleagen der troch inoar det hearren en sjen scoe yen forgean. Do't er dat by it knappend winterfjürke foarlêzen hie, joech dat noch frijhwet praet, sadet men let op béd rekke en Jentsje wier net yn steat om daelk de sliep to krijen. Dat koalsiedsou en dy fodkoer stiene him mar al foar 'e geast. Hy wier seis ek yn dy jierren, hweryn er him foarstelde det er mei koarten him yn it houlikssou bihne scoe. Hy achte it Üngelok Ünoersjenber great. hwennear er syn „oerbleaune dagen as in forskoweling yn dy fen elk forachte fodkoer slite moast." "Mei dizze en mear oare tinkbylden, rekke er einlings yn 'e sliep en do gyng it him krekt as dy jongfeint, hy dreamde de hiele nacht fen 't koalsiedsou en de fodkoer. It foarnaemste derfen hat er op it pompier brocht en printsje litten yn 'e Bijekoer fen 1852 en dat stikje hat er tydesearre It koalsiedsou in de fodkoer. Dat is ien fen "e earste proazastikken, der't er mei fen 'e wal stiek. De hannen wieren noch hwet knofflich, mar de inkelde rymstikjes, der't er efkes earder mei foar it ljocht komd wier, rounen al aerdich glêd fen 'e tried. Yn 'e Iduna fen 1850 rymt er oer Klumske Siid: 't Wier up en hearst, en möye dei Do Siid foar th' barnend turffiur lei Hy like alhiel forkiumme. Sin mem, dy earst en toarn yet swei, Ward einlings tisich, end se sei: „Wel Siid, ho scil det kumme? Do leist mar altiid uppe hird! Ho scil det as hit kalder wirdt? Ho scilstü thruch den winter reitze?" — Der sorge ik al jin oan," sei Siid, 'k Wol derum, foar dy kalde tiid, My earst mar tige warem meitze." Us dichter rekke net yn 'e fodkoer, hwent nei in setsje koe er sjonge: 'k Haw in famke nei myn sin Nei myn lust forkrige En mei 'n onforfalske min Mient se 't my ek tige. Noch in hoart letter troude er mei syn Tsjetsje en teach mei hjar nei Haulderwyk. Hy forboude dêr syn eigen ierdapels, hwent it earste boekje, det er yn it ljocht joech mei H. de Jong, skoalmaster to Haulderwyk, letter to Nij-Appelskea, krige de namme De Ierdappelkoer opfold mei alde en nye Waldjes. Dat is in samling fen alde sokjes, dy't hja makke hiene en hjir en der forspraet wieren, mar der binne ek nije ynfoege. Ik doar der hjir net folie fen to sizzen, om 't biswierlik üt to meitsjen is, hwa't fen de beiden elk stikje skreaun hat. Hja sizze der seis dit fen: „Dat wy de koer opfold ha mei waldierappels en net mei klaikers, dat is foarrarst, omt wy us seis onder de waldsjes rekkenje; to oarden omt wy foaral foar de waldsjes skrieun ha, en to'n tredden bysonder, omt in de waldierdapels throchstrings sa folie pit net sit, as in de klaikers en derom in dit wirkje ek dy pit net sit as in de boeken fen in bulte oare Fryske skriuwers. Fine jimme er dus hwat in, der in flauwe smaek oan is, steur jim' der net to folie oan; mar think dat dit mei de waldierdapels wol gau ris it gefal is; dy binne ek allegearre net allike goed. Taest den oer sok ien mar hinne, lik as jimme wend binne as jim' by de tafel sitte to iten; hwent min scoe dochs net hoopje, dat jimme sa mar in ienen de foarke dellizze scoene, sa gau as jimme in forkearde ierdapel in 'e panne lizzen seagen. As dit tominsten it gefal is, den kinne wy jimme ek al net folie wizer achtsje as baes Fan der List, dy it hiele Evangelische Sangboek weismiet, omt folgens sin gefoelen it earste wird Hallelujah net rjucht suver wier. Sahwet in healjier letter joech Sytema allinnich in foech boekje fen 29 blêdsiden yn it ljocht. in great rymstik, dat er tytleseare Hinne en Hinke of it fordielde houlik foriene. de skiednis fen in jong pear, dat yn 'e witebreadagen tige lokkich wier, mar hwa do de blyndoek fen 'e eagen foei. Hja daegje letter inoar foar it rjucht, mar om't hja net fen hjar boike skiede kinne, wirdt de frede sletten. Ien fen 'e foarnaemste stikken, dy't er op Wtaterjounenocht foardroech en ütjoech, is: Katechismus fen de leare der Wierheit, der't boer Pibe syn lytsfeint yn ünderrjuchte. In Fraechboek for 't dagehks libben om altyd witte to kinnen üt hwet hoeke de wyn waeit. (Ütjown to Holwerd by Waling Dykstra, 1878). Al hie er oars neat yn it ljocht jown as dit boekje, den kaem him al in knap plak ta Ünder de Fryske skriuwers. Wy leare him dêryn kennen as in snoade kop, dy't ït snedich sizze kin; ek as man fen foarütgong. Hy hellet sahwet de hiele minskemaetskippij oer 'e hikkel. Boargemasters en dominys, dokters en skoalmasters, boeren en üntfangers krije der like goed fen lans as küpers, bakkers, ferwers, skoenmakkers, winkelljue en kasdeins. Net det er dy ljue persoanlik in snütslach jaen wol, mar hy leit de fouten yn al dy baentsjes en bidriuwen bleat. Foaral giet er to kear tsjin it longerjen op 'e büse fen in oar, it bekflaeijen en it ezelsforstên. De maetskippij wirdt ütskildere as in greate wetterpoel, dy wrimelet en krielet fen hsk en oar lyts en great bistegüd, dat sünder rêsten troch inoar skript en kribelekrabbelet, mei 't doel om sünder folie omslach elkoar yn to slokken. De minsken forgalje elkoar it libben troch altyd op 'e loer to lizzen om elkoar de gouden hieën öf to fangen. En der wol er de ljue nou ynsjuch yn jaen, net al preekjende, mar al pratende. De toan wikselt öf twisken earnst en koartswyl. Sims lykwols krast it er oer. sa hymskerp is er, en snedige setten, echt Fryske sprekwirden en sprekmenearen binne nin brek; dy binne der mei folie han trochsiedde en stean allegearre sa goed op hjar plak, det min de rjuchte biteikenisse dêrfen dalik fettet. Ta better bigryp scil ik der in hap en in snap üt meidiele. Fr. 48. Hwet is it allerbalderminste fak? A. Skoaliemaster to wêzen. Dy mat de bern yn 'e stokken bringe, dêr 't de alden gjin baes fen wirde kinne. Fr. 49. Wirde hja dêrfor goed bileanne? A. It liket wol fen net, hwent folie fen dy ljue komme oan alle iggen en einen to koart, en in hopen bliuwe yn 't sipelsop. Fr. 50. Hwet komt dêrüt foart? A. Dat de kleisykte ünder de skoallemasters folie mear hearsket as ünder de kij. Fr. 55. Hwet is in boer? A. In boer is in minske, mar alle ljue bigripe dit net. Fr. 66. Hwa bigripe det net? A. De hearen, dy 't in boer it fel oer 'e nekke helje lyk as in hazze, skine der hwet oars oer totinken. Fr 57. Kinne dy hearen dêr ek to fier mei rinne, ta skea fen hjar eigen bflse? A. Né, hwent as sa'n hear ien boer it heiter ütstrüpt hat, den rikke twa, trije oaren him de holle al wer ta. Fr. 62. Hwer mat in boer foaral op bitocfrt wêze? A. In goed feint to krijen, dy net swier op 'e kost is. Fr. 63. Kin sa'n feint den altyd de swiere siie wol lüke dêr't er yn set wirdt? A. As er de faem op 'e han het — den wol, hwent dy wit it paed nei de kelder. Fr. 64. Hwet is it kinmerk fen in eigen-ierde boer? A. Dat er de arbeiders bikrimpt as 't folk rum is. Fr. 133. Is in arbeider ek yet in nuttich man yn 'e maetskippij? A. As er net in to swier hüsgesin het om himsels troch de tiid to rédden — den al. Mar oars is er in bailêst, dy 't men misse kin as in likend dak en in rikkerige skoarstien. Fr. 134. Hwet mat men hjirüt bislute? A. Dat in arbeider yet minder is as in kommies. Hwent as dy net mear yn steat is om in oar nei to riden, den jowe se him pinsyoen. Fr. 140. Hwet wirdt der fornamelik foreaske yn in lid fen de gemeinterïe? A. Dat er op elts foarstel sizze kin fen ja, ek as er né mient. Fr. 141. Hwêrom is dat sa needsakelik? A. As de man den seis net ris komme kin, den kinne se syn baitsje for sa'n kear oer syn stoel hingje, om de Ried foltallich to krijen. Fr. 145. Hwet is staetkindige poletyk? A. „Oars sizze as dwaen," sei de boer, en hy forrifele syn arbeider. Fr. 146. En hwet is den boerepolytyk? A. Lang bidde en koart ite. Ut dizze staeltsjes kin men neigean, det Sytema wol aerdich de maetskippij it baeitsje ütkloppet en nei pols en lever helt. Mar men kin it fen him daeije, hwent it is in frij, earhk man, dy't it seit. Fen him kin men sokke pillen wol slikje. It is medesyn. Ik sjuch yn myn forbylding de ienfaldige man stean mei syn maet oan it foardragen fen dizze katechismus yn in herberchseal op 'e Gedyk of dy kontreijen, alles foar de füst wei. En al jowt er stryps det it bloed der üt spat, ik moat de man biwfinderje, hwent it giet him om Fryske earlikens, wierheitsih en rjuchthrdigens. Det Sytema nou net bipaeld orthodoks is to neamen, kin men üt alles wol merkbite. Op it Réveil, mei syn bidstounen for Israël, hie er it net bigrepen. As er boer Pibe de Ljouwter krante léze lit en dy syn each fült op in adfertinsje for dy saek. den seit Pibe-om stikelich yn It Krantelêzen fen Boer Pibe. bilüstere troch sin litsfeint. Easterwolde, 1865: Bidstund — Isrels bidstund — 'k wit 't net 't Bringt net sjedden oan de dyk. Israël wol doch net harkje, Nou, 'k jaen 't ek gjin ungelyk. As myn broer seit: „Sa moasf ploeije! Sa moasf sjiedsje!" 'k dwaen 't ek net As ik sjuch, det up syn landen 'r 't Nót hwet licht fen ieren heth. Dat me ald Isrel oer wol helje Ta it kristendum is fix, Mar dat hiele bidstund halden Tel ik allegjefre nixl As de kristenen allegjerre Up hjar hiele libbenswei 't Heager ljocht mear skine lieten, Faek teach Isrel den wol mei. Mar wirth der nen wirk fen makke, * "v Nou, ik tel 't den net in bean: Den scil Isrel, unbikummre, Lang yet 't alde küw'paed gean! Hy smyt üs dizze saek to her wei. Men kin it iene dwaen mar hoecht it oare net nei to litten. Mar det er altiten wer abbelearet tsjin it praet-kristendom mei men him yn tank ófnimme. It ienfaldich godsbitrouwen prizet er oan mei dizze wirden: Wol op gjin idle minske bowe, Wêz for de takomst net binaud, Wol rêstich mar op Him bitrouwe, Dy 't al hwet libbet sines jowt. Baten It krantelêzen fen Boer Pibe hat Sytema noch skreaun It Berchfeest to Appelskea, Easterwolde, sünder jiertal. It is in rymstik op in foltsfeest, ryk oan wille en nocht, yn 'e Appelsgeastèr dunen. De jonges rólje um yn 't san, De famkes kuir'je han oan han Mei feestlik bont umhinge, Trpch 't grien forsiere duneplein. Sa wier Sytema in foltsman yn march en bien, dy't yn in efteröfhoeke fen üs previnsje goed syn plak skiën makke hat en net yn it forjitten reitsje mei. Hy moat nést Waling-Om neamd wirde om syn winterjounenocht, hwertroch er de Fryske tael yn de Wélden stipe hat, mar ek om syn tinkwize, dy't mei Waling-Om sines oerien kaem. It docht üs den ek gjin nij, det Waling-Om by de dea fen Sytema 23 Oktober 1885 yn it Frysk Folksblêd fen 15 Novimber in stikje skreau oer syn forstoarne frjeon, dat bliken jowt fen syn greate heechachting. In slepende boarstkwael, dy't er lang Ünder 'e lea hawn hie, het him yn 't lést net folie arbeidzjen mear ta en hat ek in ein oan syn libben makke. Him komt in biskieden plak ta yn 'e Fryske letterkinde. Sjuch: Yn üs eigen Tael, 1914, bl. 234—43; bl. 27—33; Oer oare winterjounenochtfoardragers lyk as: S. A. Sjollema en R. van Dijk üt Grou (1863), R de Schiffart en P. Boersma (1869), H. en K. Bokkinga to Menaem (i874), H. Ringenoldus üt Grou (1877), P. G. Bleeksma to Hirdegaryp (1878), A. L. de Jong en J. Hepkema (1878), G. L. v. d. Zwaag (1879), P. F. Felkers (1879), M. Bakker, Sh. van Sinderen, Klaas D. Boersma (1881) ensfh., G. A. Wumkes, Stads- en Dorpskroniek van Friesland, yn Hepkema's Nieuwsblad. WALING DYKSTRA OERAL op 'e wrald bitinke de Friezen, dy't God in hert joech for hjar swietlüdige memmesprake, de master-sjonger fen Holwert. Yn 1853 forteach üt Balk it Bakkersfolts, dat as fyn-Mennist toboek stie, nei Amerika. Ryklik 30 jier letter skreau ien fen dat Selskip üt Florida nei it heitelan om Doaitse mei de Noardske Balke, dêr't it ferske yn stie fen Myn Marij: Dêr yn dat tropke beammen, Dêr stiet dy alde toer, De protters en de douwen Dy fleane er om en oer. Dêr yn dat lytse hüske Mei 'n eskenbeam er by, Mei 'n draeijer op 'e skoarstien, Dêr wennet myn Marij. „As ik om üs gea tink en dat ferske komt my yn 't sin" skreau er — „den wirdt it moed my faken sa fol." En alhiel to Madioen op Java wenne in Fries, dy't op in dei de fjürspijende berch Lawoe bikladdere. Under oan 'e berch bleau er de nachts om de oare deis fierder to tsjen. En do't er dy moarns oerein kaem, seach er oer de Kali Brantas en Madioensvallei de „Mataram" ef it each fen 'e dei yn gouden pracht forriizjen. En hy bigoun to sjongen: Hwet bistou ljeaflik, riizjende simmermoarn 't Opgeande sintsje laket my oan. Tüzenen emigranten fen de Fryske „Diaspora" kenne deselde heling en hawwe lafenis foun yn in lietke fen Waling. Hy hat hjar hwet meijown yn 'e wrald, dat bleau ek oan 'e herste iggen fen 'e oséaen. Hy hat hjar Frysk lézen, Frysk sjongen leard en it heitelan tichter hjar oan it herte lein. Syn letterkindige ynventaris hat wol hwet wei fen Hans Sachs sines, de master-sjonger fen Neurenberch (1494 — 1576). Dy dichter- skoenmakker pielde sahwet syn hiele libben lans mei dichten. Ek yet al ridlik drok, hwent it tal stikken, dat er neiliet, great en lyts, bidroech mei inoar net minder aS seis tüzen. Dêr wierne ünder sjongboeken, spreukboeken, t r agedy's, komedy's, en fêsteljounstikken, kluchten en yet mear oare snuf, allegearre dingen, dy't by it algemien yn 'e smaek foelen en troch eikenten wol bigrepen wirde koene. De toanielstikjes en de birymde forhaeltsjes binne meast allegearre potsich, mar doch sa, det er omtrint itselde fen sein wirde kin hwet Gabe Skroar sei, do't er op it Boalserter Nut de preek oer it Jild heard hie. „Dy Nutssprekker" — sei Gabe — „docht krekt as ik, hy makket rokjes for elkenien, mar de iene smyt se de oare ta en seit: „Fint, dat baitsje past my net, dat moast dou ha." Sa kin men sizze: „Hans Sachs wier skoenmakker en yn syn skriuwerij hat er ek skoenmakke for elkenien; dy't it past, kin it oantsjen, to sizzen it sljuchtwei folts, hwent syn skriften woartelje yn it hüslik lyts-boargerlik- en boerelibben fen dy tiid." In folsleine bibliografy fen Waling syn wirlc scoe in boek op himsels foreaskje en it is allegearre üt it folts en for it folts. Det it boppe it folts ütgiet en wiist nei wide herten kin net sein wirde. Dêryn stiet Tsjibbe Gearts heger. Dy syn geast hat frijer WALING DYKSTRA. Nei in gipsplaket fen Pier Pander. wjukslach. Dy is ek mear dichter. Dy hie mear hertstocht en forbylding. Om in bytsje oersjuch to krijen fen it lange, patriarchale libben, dat üs foltsskriuwer talein waerd, spjalte wy it yn fjouwer tiidrekken: 1821—40 to Froubürren, 1840—55 to Spannum, 1855—61 to Frentsjer, 1861 — 1914 to Holwert. Waling (berne 14 Aug. 1821) wier Bilker fen kom-óf, üt Froubürren. dêr't syn pake in bakkerij hie. en letter syn alden — Gerrit Walings Dykstra en Antje Keimpes Koopmans — by ynwennen. Dêr gie er op skoalle en waerd de Bilker geaspraek him hiem. En hwet men as bern leart sa troch 'n dei giet er noait wer üt. Sa koe er jierren neitiid yn dat dialekt skriuwe Krelis Regtuut zyn rais na Ljuwt. Fran. 1852; Gesprek van twee erbaijers over 't jeneverzupen, Fran. 1855; De zon-eklips en de Steertstar. Fran. 1858; Mot er jenever by 't kooldorsen? Fran. 1862; 'En rare Koridon. Fr. Volksalm. 1892, bl. 45-58. Syn alden hierden yn 1824 in bakkerij yn Spannum. Dat wier in tsjerkespil. Waling bleau by pake en beppe, dy't swak op him hienen. oant Maeije 1840 ta, do't hja de bakkerij oerjoegen. Heit forstoar, do't hy 12 jier ald wier en mem haldde mei mastersfeinten de bakkerij oan 'e gong. Hy ütfenhuze fensels ek wol ris in poas to Spannum en moast der nei skoalle, mar de master wier de minne kant it neist. De biskriuwing fen dit ünderrjucht joech er letter yn syn Fryske Thyl Ulespegel, 4e pr. 1908. bl. 15. mar tige oerdreaun. Rymkes meitsje en teikenje wier al gau syn nocht. En as master in opstel joech. skreau er mar wei. Ut syn aerd wier er meast stil en tsjin frjemde minsken bleu en öfwêzich. sadet de foarname ljue yn it doarp wol fen him seine: „dy jonge is net wiis." Do't er saher kaem. det er bakke en moarns bytiid opstean moast, siet er wol foar it bêd to skriemen, sa min kaem dat wirk mei syn sin oerien. Men seach it him oan, det er yn 'e moalwrald net thüs hearde, en om't er folie mei teikenjen pielde, waerd der wol ris oer praet, det er ferwer wirde moast. Mar it forstjêrren fen syn heit haldde him by it bakken om it spil sa gau as it koe for syn mem to rédden, hwent pake wier ald en arbeide net mear. De mastersfeint wier in wrede, kribberige keardel, dy't him net hje mocht, sadet it jongmaetsje daegliks winske tröch en oun ienris farwol to sizzen. Hy learde in bulte fen syn pake, in man dy frijhwet lézen hie en omraken fortelle koe, binammen fen 'e patriotterij to Stiens (1787). Dér wist er reltsjes fen op to dissen, net sunich. It faken hearren fen dy forhalen brocht Waling letter op it tinkbyld om nei oanlieding dêrfen in soarte fen romans forhael gear to stallen: De Sil veren Rinkelbel (Frentsjer, 1856; 2e pr. 1866; 3e 1887, 4e 1908). Hy siet ek jerne yn pake boekeskat. En syn moikes learden him Frysk. Sa lies er de Aegtsje Ysbrants, Maeike Jakkeles en de Lapekoer. Fensels krige er ek yn hénnen it flymskerpe boekje De domenys hifke mar follen to ligt achte, St. Anne, 1840. fen Wopke de Jong (1799-1852), skoalmaster yn St. Japik. Dit wier in fül, mar raek stikelskrift tsjin de greatskens en loaijens fen de dominys, „dy't om in deihier preekje en bidde, dy't graech de Hosanna's hearre, mar er for bitankje om it krüs fen Him, dy't se hjar Hear neame op hjar to nimmen en him nei to folgjen." Dat sette by in bulte kwea bloed. Men neamde master in skoermakker en in earerover, ja de Antikrist. Ds. Wybe Mebius fen St. Japik neamde it yn in preek in divelsk pamhet. Dokter B. W. Schultetus Aenee lykwols keas de partij fen master, dy't er wakker foreare, net allinnich om syn drystmoedigens, mar ek om syn klassike kennisse en dichtersgaven. Sette er net oden fen Horatius en elegyen fen Ovidius oer yn it Frysk? (Fr. Volksalmanak 1845—47). Dokter roun sa heech mei De domenys hifke, det er it yn it Hollansk oerbrocht en for eigen rekkening ütjoech (1841). Waling hie in spylfeint, dy't yn folie opsichten mei him oerienkaem en ek in aerdich rymke meitsje koe. Dy krige Harmen Sytstra ris to sprekken, dy wier do bakkersfeint to Wynaem. Hy hie al stikken skreaun, dy't letter samle binne ünder 'e namme Jouke Rommerts scriften (1843). Dat htere de jongfeinten oan om ek yn it Frysk to bigjinnen. Op in Freed reizgen hja togearre nei Ljouwert, trapen de boekwinkel fen Suringar yn, leinen in pakje op 'e toanbank en makken rjuchtsomkeard. De winkelfeint röp hjar nei: „Van wie komt dat?" Mar de „auteurs" anderen net en rounen as hazzen. Hja wierne tige op 't skik, do't hja letter hjar stikjes De wintermerke by Harns op sé en De Küküt yn Suringars almenak printe seagen (1840). Dy frjeon wier Jacobus Cornelis Hoitsma, ferwer to Froubürren, deselde dy't letter skreau Roskam voor schurftige boeren, gesprek tusschen een Friesche boer en een arbeider van het Bildt (voor rekening van den schrijver), I^üw. 1849, in knappe gearspraek yn it Frysk en it Bildtker dialekt. Ho dizze frjeonskip forkoele, biskriuwt Waling yn 'e autobiografy. dy't er opmakke de 28e fen Haimoanne 1851. Dy jowt tagelyk in lyts ynsjuch yn 'e geastlike omkear fen syn libben, n.1. fén it Kalvinisme nei it Liberalisme en Modernisme. Hwent dit stiet fêst: Waling wier fen hüs üt Dordtsk-Griffemeard. It is fen it heechste bilang, det dit sielkindich forrin ris sekuer neigien wirdt. Wy witte der noch to min fen. Hjir binne syn eigen wirden: Myn frjeun bigoun mei der tiid yn orthodoxe boeken to lézen en ik ek wol, sadet wy njeunkelytsen bigounen to mienen dat it dy wei op moast, scoe 't ienkear goed mei üs komme. Hy is der yn stean bleaun en is safier komd, dat er olies wer dy rook net oan is for „skade en drek" achtet. En ik haw er ek 'n tiid lang sa oer tocht. Lykwol wier de sucht om grappige stikjés to meitsen en dy oender da mensken to brengen by my sa sterk, dat ik sa nou en den al ris wer hwet makke, 'k Haw my der wol 'n hele bulte onrêst mei op' ne hals helle, omdet ik soms bysondere mensken tonei kaem. Do wy yet greate jonges wieren, ha wy togearre ris 'n strietsangkje makke op 'n trettsjienjierige jonge (in foarnaemljuesbern fen Froubouren, waens alden ek de stelling tadien wieren, dat ik net wiis wier) dy mei 'n tsjinstfaem üt to riden gyng op 'e „chais". Do koene wy gjin holle heel halde; hja woene üs seis bruije mar der rekken wy frij fen, lykwols wieren wy oltyd yn noed, hwent fjuchtersbazen wieren hy en ik beide net. Do forseine wy 't hird om wer soks üt to fleren, mar yn 't earst do 'k to Spannum wier, ha 'k it ol wer ris weage. Do pleatste 'k in „Doolhof" yn Suringar's Almanak, titele „Advertentie uit de fryske straatcourant". Dat teach in foarname boeredochter fen Spannum hjar oan, howol ik wol mei 'n eed biswarre doar, dat ik hjar der nea mei miend haw. En do hja 'n bytsje dernei troch swiersettichhèid fen „hopeloze liefde" in forslopping yn da lidden krige, der da help fen 'n diwelbander by ynroppen wirde moast, do krige 't Doolhof der da skild ek fen, en ik rekke by olie Spannumer ljue üt it blêd. Do de bitsjoende Boeredochter foar 't ljocht kaem, is er my ol wer in pak bruijen onthietten, mar der bin ik oan dizz' tyd ta foar biwarre bleaun. Dat wieren onbirekkene oendernimmingen fen myn jongkheid, en der is 't stelhch mei üt foarkomd, dat da ljue nou yet miene, dat ol hwet ik scrieu it wyt het om da iene of da oare to biledigjen, en oltyd halde se 't for 'n great quea. Dat léste sit meast by da ortodoxen, dy hier 't grep|pte part fen de bifolking ütmeitse, en dy foarhinne mogelik wol ris tocht hawwe, dat ik in „lichtende sterre" for hjar wirde scoe. Hwent ik haw leauw, dat er 'n lyts tol fen da mensken ütkeazen wier ta der sillichheid, en dat ol da oaren forlern gean moasten; do libbe 'k sonder hope for da iwichheid, hwent ik doarst lang net my seis oender da ütkeazenen rekkenje. Ik reisge nei ófskiedene tsjerken en oare forneamde domenys, om't ik tochte, dat God yet wol ris da iene of da oare kreftige preek oan my tsjienstber meitse koe om my to bikearen. Om myn libbenswondel to forbetterjen, der makke 'k net folie wirk fen, hwent myn stelling wier: as ik ta da ütkeazenen hear, scil God, as de tiid der is, wol in geastlike foroaring yn my wirkje, en oars ken 't sa folie net skele ho ik libje: Ik haw it dos by eigen oenderfinrng, dat dizze leare sorgeloaze en goddeloaze mensken makket. Do wier 'k ol moai op wei om in minskehater to wirden. Nou mien ik lykwol ynsjen to kennen, dat sok in leare stridich is mei 't tinkbyld fen 'n ljeafdefolle God, dy't 't lok fen ol syn skepsels biforderje wol, en fen 't forlossingswirk fen Gods Soan, dat wis net op sa'n menear biperke wirde mei. Ik leau lykwol yet net dat in menske mei syn deugd hwet for da iwichheid fortsjienje kin, om t' men mei 't olderheilichste libben yet lang net bitelje ken hwet men skildich is. It is allenne troch genade dat 'n minske sillich wirdt. Mar wy benne ta der deugd forplichte, forearst om to biwizen, dat wy earbied hawwe for God en syn wetten, en to twaden om ds seis en üs meiminsken safolle lok yn dit libben to bisorgjen as üs dwaenlik. is. Mar ik leau ek dat 'n menskehert en sin mear nei 't quea as nei 't goed oerhellet. Op dit myn gelove steurit myn gescrieu oender den namme fen: De Winskhoed fen Fortunatus. As jy 't yet net opmirken hawwe dat dat myn eigen wirk is, den wirde 't nou wiis; dat ik dit oender in falske namme doch, is derom dat it oardeel fen da lêzers onpartidiger wêze scil, en dat myn dorpsljue hjar dér sa gau net oan steure. Myn frjeun boppeneamd, dy da byienkomsten fen da ortodoxen trou bywennet, en ik renne dos nou fier ut inoar; ik haw yn 'n great jier net mei him yn reden west, mar ik ken wol begripe, dat myn Huesfrjeun-scieuerij him lang net oanstiet. Dit wichtich stik stjürde Waling oan Tsjibbe G. van der Meulen to Birgum. Hwerom? Yn it foaröfwird jowt er de reden op. It is omdat ik bihowe fielde oan in oprjuchte frjeun. Sa'n frjeun haw ik lange jierren hawn, mar dy en ik benne elk in wei ynslein, dy dwars fen 'n oar öf renne, sadet ik dy hast wol forlern achtsje mei. En nou miende 'k yn sommige hearen fen 't Selskip for fryske tael- in scriftekennisse sokke frjeunen werfoun to hawwen, mar de. ütkomst het leard, dat dy my ollenne foar eagen halden om fen myn gawen ta hjar foardeel gebrük to meitsen, hwent sa gau as 't ütjaen fen De Fryske Hüsfrjeun oankondige waerd, wier 't mis. En dochs mien ik, dat myn tiidwirkje kreftich meiwirkje ken oan *t wyt, dat hja hjar foarstelle, en as nou it biforderjen fen 't frysk ollenne hjar haedwyt wier, den moast alles hwet derta meiwirkje koe, hjar wolkom wêze, al gyng it den net fen 't Selskip üt. Mar de Huesfrjeun bilet mogelik it dijen fen de kas des Selskips wol hwet, en der scil 't him meast sitte, tink ik, dat men my ynne lampe krige het. Ollenne de hear. J. van Loon, biwyst my yet deselde achting as fen tofoaren. Nou haw ik hier yn 't doarp ek nen frjeun yn de wiere sin fen it wird. Sommige meiarbeiders fen de Huesfrjeun neame my graech hjar frjeun en ik hjar mines, mar dat benne dalik gjin Bodders yn 'e Fryske Striid 37 frjeunen, der men sa mar yn olies yens hert foar iepen lizze ken.. En om't jy my nou altyd sa folie frjeonskip biwezen hawwe, sadet ik oan jins oprjuchtheid net mear twivelje mei, sa haw ik jo ütkeazen ta de frjeun fen myn hert. Brenge jy my forkearde hondelwizen oender 't each, ik scil 't yn tank oannimme, en ik scil my ek net mije as ik reden mien to hawwen om hier of hwet oer to sizzen. En as 'n blyk fen myn oprjuchtheid njunken jo, hawwe jy dit myn scrift oan to merken. For in yngeand biskögjen fen Waling's geastlike ynhouten kin dit stik tsjinje ta founemint. Men kin yen amper ynhalde om dêr it sielebyld op to bouwen fen dit doelbiwuste libben, en it geheim fen dizze sterke persoanlikheid mei syn stegens en stoerens, mei syn sljuchtens en rjuchtens, mei syn ienféld en risselutens, mei syn heech bigryp fen frjeonskip en syn füleindige haet op alle skyn. bleat to lizzen. De neiwirking fen it Griffemearde formidden, dêr't er yn opbrocht waerd, is oant syn dea ta bleaun. De man, dy't toboek stie as frijtinker en liberalist, song eltse dei, as it skimerich waerd, boppe yn syn wirkkeamerke in psalm fen David. En hy mocht de Farisieu giselje, alle fliemske godstsjinst hünje, de tsjerkedogmen ta in spotbyld meitsje, sadet men syn boeken „goddeleas" achte, nimmen moat miene, det Waling in üngoadist waerd, dy't weisonk yn 'e iiskélde hoeden fen it materialisme. Fier fen dat. Hy is it type fen in Fryske rationalist, dy't lykwols de morael fen it Kristendom heech haldde. En dat wier him Nuts-morael. Yn 'e boargerlik-liberale sfear fen it „Nut van het Algemeen" scoe er foartoan sykhelje. In rek letter kaem er ünder bislach fen Multatuli. De bruid daarboven waerd yn Holwert opherd. Douwes Dekker droech yn 'e doarpen en stêdden fen Fryslan syn Vorstenschool foar (1868), it modernisme bihelle yn it Noarden in koarte oerwinmng-èh^Waling gie mei yn dy stream. En dêr is er yn bleaun. Hy wier in man fen it „nije ljocht." lyk as men dat do neamde. En dêr hat er propaganda for makke mei wird en pinne. It liet him earst oansjen. det er syn libben as bakker slite scoe, mar it fak bifoel him hwet langer, hwet minder. Dy't syn blijspil mei sang De Utfenhuser by de bakker, Boalsert, 1860, lézen hat, wit dêr fen. Hy rime: In bakker is fen allegearre De slimste; dy moat troch in dei Al danich hwet gejeuzel hearre. Ik bin der somtyds hwet yn wei. Krap miette en wicht en 't simmelknoeijen Is alde kost al en stiet fêst. Dêr wit me my yet op to loeijen In héle fracht mei 'n boppelêst. „Baes, jou groubólen binn' sa knarsich. Jou wiggen binn' lang net nóch. ' Jou brea is sommes tige moarsich. Hwet skeelt dy wite bólen dóch? Binn' dy fen malke bakt of wetter? My tinkt hja smeitse nei de gêst. Jou bóltsjegüd koe ek wol better; Jy brüke 't rjuchte moai net, fêst. Dy rige koe 'k sa lang wol krije As Beltsum en dêr Warkum by. Ja, hwet se my al net fornije Dat wit gjin minske, leau 't mar frij. Fr. Husfrjeon, 1903, bl. 89. Hy seach „syn paed net mei blomt bimielle." Nin wünder, det er ütseach nei in oare wize fen bistean. Hy sei it bakken farwol en bigoun in bytsje to keapmanjen en herders syn frije tiid to spandearen oan it Frysk-skriuwen. Do't Maeije 1850 yn it lan kaem boaske er mei Hinke Huizinga fen Spannum, in sterke steun, mar in swakke frou. Op it lokkich boask foei al gau it tsjustere deadskaed. Yn twa ynlike kleilietsjes hat de forsleine man syn herteleed utere, dat rêst foun yn it godsbitrouwen. Sjen 'k yn de fierte, al traepjend troch de utnnen, De skoarstien fen myn nederige went, Den is 't net mear: „dêr ünd'r 'e reade pannen, Der wachtet my in wyfke dat my mint." It plak is leech, 'k mei ütgean of 'k mei keare; It skynt my ta, as treurt it hele hüs. Mar hja — hja rêst! Gjin leed scil mear hjar deare, 't Let hjar sa min as 't aljend stoarmgerüs. Hja rêst hjar üt fen al dat swiere lijen, Dat, och sa wreed! hja skoerde fen my wei. Mar 't wier Gods wirk; dêr wirtskje 'k op to swijen; Hy jow hjar dat s' yn frede rêste mei. Ik siikje treast yn Jezus' reine leare, Dy leart my hwet ik fen hjar hoopje kin. Ik jow myn lot fortrouend op de Heare, En tankje Him, det'k yette bin hwet 'k bin. Fr. Hüsfrjeon, 1825. Syn lytse Gerrit, to jong om it forlies to biseffen, forlichte de heitesmert. Mar dy moast er ek misse en hy klage: Ho bliid ik wier mei him Ho't hert my oer him hinge, Ik moast myn Qerrit by syn mem Op 't neare tsjerkhöf bringe. Dêr rêste hja togearre Nou yn dy groun sa kald Wei stou myn lok as fearren! Al winske 'k fjürich syn bihald, Hjar skynde er ta to hearren. Binn' nou hjar sielen Ek sa foriend by God, • Mei himelsk ljocht bistrielle: Hwet scil mem mei hjar ljeafste skat Hjar nou den lokkich fieiel Ik sit hjir nou allinne To tinken ho't hjir wier. Deastil is 't om my hinne Hwer koartlyn freugd hearskeoer 't flier Troch ünderlinge minne. De tiid moat balsem skinke Mar ho'k it ea hjir ha, Of hwet my oan mei blinke, 'k Scil altyd om myn ljeave twa Op Spannums tsjerkhöf tinke. Fr. Husfr. 1852. Do t Dykstra yn 1855 op 'e nij troud wier mei Afke Jans de Boer gie er to wenjen yn Frentsjer, dêr't er yn tsjinst rekke by de boekhanler en ütjower T. Telinga, dy't in hopen fen syn wirk ütjoech. Maeije 1861 folge de forhuzing nei Holwert, dêr't er seis in boekhannel bigoun en syn herder hbben tahalden hat. Hy moast dêr mei in swiere hüshalding fen in wüf en alf bern libje meast fen 'e pinne. Dy hat er dêrfor den ek oan it wirk set sa'n sechstich jier oanienwei en dêrmei hat er it Fryske stamgefoel ünbitinkelik forsterke. Hy soarge, det er Fryske lektuer kaem en bleau. Yn 'e winterjounen, as it nijs fen de koarte dei meast net tarikkend wier om de tiid dêrmei to'n ein to krijen en de forfeling foar de doar stie, dy't al gau foroare yn slflgens, sadet men in wearaksel bigoun to krijen yn dy lange skoften fen it iensume boerehüs, soarge Dykstra for Frysk forskaet, for noflike lampe-jounstikjes, dy't tagelyk tsjinje koene om de Fryske sprake yn breder kring eare to jaen en de Fryske sin oan to wakkerjen. Hy redigearre it iene Fryske jierboekje, tiidskrift en moanneskrift nei it oare: De Bijekoer, Frentsjer 1850—96. De Friske Hüsfrieun, 1850—69. De Fryske Nysbóde, Frentsjer 1864—65. Friso, tijdschrift voor de Ned. Jeugd, Holwerd, 1866. Friesch Volksblad, mei Stellingwerf, 1876. Sljucht en Rjucht. 1897 ensf. As jimme it lije meije, 1900 ensf. Hwet er dêryn skreau wier gjin wirdkinst mar sljuchtwei foltslektuer, dy't troch yl en swaerd Frysk wier. Dy stikjes teikenen it foltslibben yn allerhande tastannen en karakters, mei syn alde seden en menearen, mei syn snakerijen, deugden en ündeugden. Dêr is lytse Wigleboer, dy't yn 'e pettekoer rekke en it petear fen Linseboer mei syn lanhearre oer it pleatshieren; dêr is it Gritseburster rountsje, dat ütgie to potfortarren en Nolke, dy't „de pet op 't ear en 't hier sa prfls, de silvren doaze yn 't féstjebüs, 't giel kjetting op 'e happe, in stok mei silverwirk bislein," nei Tsjearde boelgüd stapte. Dy lytse wrald fen boeren, boargers en arbeiders üt de earste helt fen 'e 19e ieu skildere Waling mei kleur en geur, düdlik, net oppronke, net oerdreaun, mar echt. Hwet syn wirk miste oan letterkindich gehalte, waerd forgoede troch de pittige forhaeltrant, de ienfald fen foarstelling en it ünforbastere Frysk. Hy hie der in danigen ergewaesje fen det sommige skriuwers, foaral fen de jongerein sok min Frysk skreaunen en det oan hjar hiele skriuwerij sa'n heislike sterke Hollanske rook wier. Hy karde it gebrük öf fen deade en neimakke moadewirden. Hy plichte altyd to sizzen: „De libbene tael sit net yn 'e earmoed en hat gjin forlet fen kinstmiddels en bihelpsels. Dat is falsk hier en dat binne falske tosken." Hwet hie er de gek mei Franske merakels op üs boeredoarpen, dêr't men al bigoun to praten fen café en coiffeur, for herberch en skearbaes. In lêzer fen Sljucht en Rjucht frege him hwet Gabe as mansnamme yn it Hollansk wier. Hy andere: „Ik tink, dat scil Café wêze. Ho'k dêr by kom? Dat scil ik jo sizze. Foar jierren stie der oan 'e südkant fen Ljouwert in hüs, dêr stie fen büten mei greate moaije letters op to lézen Café Schoonzicht. Yn dy tiid kaem yn in doarpke foart by Ljouwert ris in man thüs fen stêd, dy sei tsjin ien fen syn bern: „Ik hie hjoed efkes hwet tiid oer, do ha'k ris in spiltsje biljerte by Gabe Skoansicht." Dit is gjin optinksel, 't is wier bard. Stiet jo dizze forklearring faeks net oan? Nou dan: Johan Winkler is de man, dy't al lange jierren stüdzje makke hat fen nammen en ho't dy skreaun en ütspritsen wirde. Sjuch dy syn Lijst van Friesche Eigennamen, Leeuwarden, 1898, ris yn." (Sljucht en Rjucht, 1898, bl. 72). Boppe de jierboekjes en moanneskriften joech er syn bondels: It heamiel by Gealeboer (1850), Winterjounen by Gealeboer (1851), For Nut en Nocht (1875), Ald en Nij, For de Praetstoel en de Hirdsherne (1877), Wintergrien (1886), Fen earder en letter (1884), Ut en Thüs (1880), Forslingere bern, Net nij, mar dêrom net wei (1912). En dy stealtsjes üt it foltslibben foelen deryn by de Fryske ljeafhabbers, sadet hja mear as ien printinge bilibben. In bulte ljue binne troCh it wirk fen Waling oan it Frysk rekke en mannich Frysk skriuwer, lyk as Sj. de Zee fen Jirnsum, Johannes Rypma fen Blauhüs, R. Zylstra fen Heech e. o. krigen troch him ljeafde for hjar tael, en oantreast om dy tael to bioefenjen. Hja sjugge yn him hjar élde generael, dy't it wachtwird hearre liet: „Friezen, wêz Jimme seis!" Dat „yen seis wêzen" miste er ek yn it liet. De 1 jurken songen boppe de Fryske greiden hjar eigen jubeljend liet, mar dat eigen liet hiene de Friezen net. Ja, dêr waerden op 'e strjitte wol lieten songen mar meast rouwe, ünbihoarlike, en... yn 't Hollénsk. En dêr waerden yn 'e tsjerke en op 'e skoalle wol geastlike lieten ophelle, mar wer... yn 't Hollénsk. Fryslén hie gjin Fryske widzeen bernesangen, it jongfolk hie gjin Fryske selskips- en brilloftssangen. It eigen lüd wier forstoarn. Wol hiene de Halbèrtsma's bisocht op dit gebiet help to jaen. mar it wier in lyts bigjin. En Dykstra hat it net by dat bigjin litten. Hy joech syn lieteboekjes: Doaitse mei de Noardske balke (1848). De Boeresjonger (1857), Mink mei it oargel (1860) en Fryske Sang (1874), dêr't mannich sangkje fen oan dizz' tiid ta yn it ünthald hingjen bleaun is. As „chansonnier" hat er greate fortsjinsten. Mei nocht blêddet men yn syn lietebondels en set in potleadstreek by mannich ljeaf, bernlik koupiet, bygelyks üt it Aeisikersliet: Sjuch ik yn de fierte den Ho de ljeapkes draeije en fleane, Den wit ik it gau hwer earne Dat 'k hjar aeijen fine kin. 'k Sjuch nei alle kanten hinne Ho hjar 't ljeapke ek halde mei, Striekesmite, fleane of rinne Altyd wiist hja my de wei. Simpel ljeapke, kibje net Dat ik dy dyn skat ünthelle: Hwerom moaste 't my fortelle. Hwer 't er wie? 'k Hie 't oars net redt Bist bisoarge for dyn aeijen, Ljeapke, byn dy den hwet yn; Troch dyn wjukkeljen en draeijen Dochste 't seis dat ik se fyn. Ek is der by syn sangen for griene en silveren brilloften — hwet hat er dêrmei op dizze heechtiden in wille brocht ünder üs folts — goed wirk. „Ho scoe" sjongt er Ho scoe der sonder mylde rein En sinneskyn in blomke tierje? Ho scoe üs libbenswille oanbherje As ljeafde ontbrekt? Dat is forsein, De ljeafde is 't heechste hwet wy kenne, Hwent God is ljeafde. Ja, Hy wenne ftf&'t' Hwer't ljeafde wenne altyd, en brocht Dêr segen oan en treast en ljocht. For romanskriuwer wier Waling net yn 'e widze lein. De Silveren Rinkelbel (1856), de Fryske Thyl Ulespegel (1860) binne yn hjar gearstalling swak. Allyksa de greatere forhalen as De Wever fen Westerbürren (1867) en de Frymitsler fen Jinsenbürren, nei it Heech- dütsk (1870). De tafaHichheden wirde op inoar steapele en in psychologyske eftergroun siket men forgees. De forhalen wirde op in to goedkeape menear uil de laatste helft der W" eeuw Doorden Schrijver uil.het Friesch vertaald. EEN VOLKSVERHAAL „boeijend" makke. Hja binne feitlik net oars as in rige losse gefallen. Mar dêrmei is den ek it terrein oanwiisd, dêr't Waling for master opslacht, n.1. fen 'e fortelling. Ik haw der al op wiisd det er graech teikenje mocht. Hy makke yn Spannum oantinzen fen griene en silveren brilloften, moai pinnewirk mei sierletters, fügels, blommen, ranken en spreuken. Hjir en dêrre yn in boerepronkkeamer fen de Tzjummer kriten hinget yette sa'n skilderij. En de kreaze teikener fen dy stikken fynt men werom yn syn fortellings. Den wit er ek de lytse dingen sa to skikken, kleur en reliëf to jaen, det in masterstikje foar it ljocht komt. Binammen as er in kofjedrinkerij, in boere-iterij, in kreambisite ef in brilloft ünder hannen hat, is er op syn dreef. Den rinne syn folsinneri prachtich, rêstich, jimmeroan boeijend, altiten mei de passende Fryske wirden, mei de teikeneftige sizwizen, like natuerlik as de hoanne dy't kraeit, as de wyn dy't strüst oer üs marren, as de ljip, dy't ropt oer üs greiden. Hjir is de Kofjedrinkerij by Oebele Boates yn de Hantsje Pik: TE F RAM ETC E it. BW T. TELENGA. JÜfl Titelblêd fen De Zilveren Rinkelbel. „Klibers fen in heal fiif en tweintich swalkje in healüre fier troch waer en wyn en troch wetter en modder op ien boer los en moatte yn 'e nacht werom. Mar dat kin de ljeafhabberij wol opbringe. Den binne de geringe tsjinstboaden mei de fornaemste boeresoannen en dochters yn 't selskip en elk hat allike folie frij praten. Den hat de iene in harmonika, de oare in bosk lietsjes; de trêdde hat de büse fol „boerske boekjes", de fjirde kin allerhanne kinsten mei kryt op 'e tafel, mei lange pipen, mei thékopkes of mei karten. Ek komt it goezzebrief wol ris op 'e lappen of er wirdt in „Antsjemoaisgat" mei kryt op 'e tafel makke. As der mar in goed fjür op 'e hird stiet to barnen en der wirdt goede kofje of sükelade skonken (sterke drank komt er heel selden by to pas), den bikommert nimmen him er folie oer as de hirde wyn op 'e skoarstien boldert of de rein tsjin de glêzen oanklettert en dat men om thüs to kommen troch smoarge dammen moat, dy't soms in healfoet ünder wetter steane. En as den op 't lést „alle fügels" yetris bigjinne to fleanen en hja reitsje oan 't pan jaen, den tinke se er net mear om dat de tiid eint. Den geane se net nei hüs ear't de klok „in bytsje" slacht. Do't it hele selskip foltallich wier, sieten er saun feinten om 'e hird en saun fammen om 'e tafel. Dat wieren gjin by 'noar noadge pearen. Der wieren wol güds by, dy't ris hwet kehnisse mei elkoar makke hiene, mar 't wieren oars allegearre jonge herten, dy't de sinnen yet op 'e kroade hiene en lyk as bijkes en flinterkes fen de iene blom op 'e oare fleagen. De feinten sieten mei gauwens to smoken det it sahwet die en de fammen to breidzjen krekt as se de kost-er mei winne moasten. Der wieren wol tige snippere dingen by, mar dóch, net ien dy't my sa goed sinnige as de rêddige Welmoed, dy't üs kofje skonk as oalje, mei tsjokke reamme en brune klüntsjes as arbeidershüskes. Earst praetten se allegearre sa wiis as alde boeren en boerinnen oer boerkerij en féhandel en oer de hüshalding en de melkerij. Mar ik mirk al gau, det er onder de fammen güds wieren, dy't wol fen dy tekst öf woene, dy bigounen al ris in wize to günzjen en ris in geklike ütfal to dwaen. Op 't lést, ja man! der gyng it hinne: Gij komt, o stille avond Weer tot ons in dit uur. Dat is trochgeans it sangkje dêr't it spil mei losrekket. En dêrmei wier it ek hjir los en as dan „alle fügels fleane" en de pétnnen wirde lost, dan giet 't „klink op, klink del", of „ik sit yn 'e put", of „ik stean as in klok". Fierders binne masterstikken fen fortelkinst: Ut to iten by de boer yn For de praetstoel en de hirdshoeke (Holwerd 1877), mei sekure teikening fen de lytse dingen, Sinte-Klaesjoun yn Winterjounen by Gealeboer (Frentsjer, 1851) en de Kofjedrinkerijen yn de Ulespegel. Dat binne allegearre skilderijen fen êld Frysk libben, dy't hjar wearde halde. En nou mei it wier wêze, det Dykstra tofolle oan 'e bütenkant stean bliuwt en tomin „siel" skildert, it fine waernimmen, de hearlike koartswyl en de swide minskekennis forgoedzje in bult. De minskekenner is oan it wird as er Doutsen yn De Silveren Rinkelbel hjar frouljueskinsten üthelje lit om baes Hoattelstoat ta man to krijen, en ho profetysk oandwaenlik is de humor as Setske, de hüshöldster fen Rouke Pabes, dy't Wouterke, de earme founling yn 'e ruften brocht en nést hjar Tsamke yn 'e widze laei, seit: „Nou hat üs Tsamke in lyts frijerke, hear! Och, hwet lizze se dêr moai togearre!" Ek wit Waling mei in pear strepen en halen in portret nei it libben to teikénjen. Hjir is in skoenmakkersfeint: „In troanje sa wyt as süpe, nést elk each sa'n glêd. swart kroltsje hier by 't wang del en by 't klaeijen sa'n Jangateftige eptigens." Hjir is Sjoerd Stiif-fen-krinten, bakker: „Hy stie tige bryk op syn ünderwirk, en droech in koartbokse mesesteren broek, dêr't de ünderbroeksboksen wit ho her üt wei protten kamen. Syn iene skouder hinge in heal foet leger as 't oare; hy siet oan 'e earen ta yn in élde rüge pet; hy seach mei it iene each yn 'e Künder en mei 't oare yn 'e Willemstêd en syn müle wier omtrint sa great as syn oun yn 'e bakkerij." Hjir is de faem fen Andele Goaitse: „Dat wier in flinke feardige fotse, lang net ünsjuch fen troanje en mei de müle koe se Pibe wol trijeris yn 't roun. Derby wier 't ien mei de rümte fen wyt yn 'e eagen, en 't like wol dat dy Pibe yn 'e maling naem." En nou noch de brilloft fen Wouter en Tsamke. Do't de trein de bürren yn kaem, wier 't swart fen minsken. En do reinde 't palmtakjes en goudtsjeblommen by de jonge ljue op 'e sjeas. Hja rekken dêr suver alheel ünder biside. En hja hiene de büssen fol duiten en struiden dy mei rynske hannen onder 't folk. Dat joech in geskrep en in gelaek, dat de bürren hast optilde. De greate jonges skoerden elkoar de klean fen 't liif om nei de duiten to grabbeljen en fierden elkoar soms hast yn 'e feart. By de herberge sloegen de brillofts-ljue üt en do gyngen se pear en pear efter elkoar nei tsjerke. Mar 't spande dat se mei fetsoen it paed hwet rom halde koene, sa heislik krong it folk. Do't de breid en brêggeman de tsjerke ynstapten, sloech it oargel oan. Master spile en song er by: psalm 128, op hele en heale noaten. Elk fen de brilloftsgasten hie foaróf in fêst plak sjoen to krijen; en dat wier ek goed, hwent de tsjerke roun sa stoppende fol, dat de minsken suver by elkoar op stiene as hiks-peallen. Men koe sonder ligen op 'e hollen gean; dominy wier hast net yn steat om de preekstoel to bikommen. Dominy hie syn hele preek ynrjuchte nei de bütengewoane omsrannichheid. Earst liet er sjonge psalm 126 fers 1 en 3 en dêr groune er syn foarófspraek op. Do liet er sjonge psalm 1 fers 4; dêrnei kindige er de tekst öf: Job 5 : 18 „Want Hij doet smarte aen ende Hij verbindt, Hij doorwondt, ende Zijne handen heelen." Dy wirden bihannele er nei oanlieding fen al de bysonderheden dy't pleats hawn hiene mei de minsken, dy't der do foar him sieten. De man preke dêr sa krêftich oer, dat in great tal fen de hearders oandien waerden en Hiske en Setske net it minste. Do't de preek üt wier, wier 't oan trouwen ta. It jong pear moast foar de preekstoel komme en do lies domeny it trou-formulier, det efter yn 't testemint stiet. Onderwilens kaem der in bjustef geskommel yn de tsjerke, hwent elk woe graech sjen dat de jong«jue elkoar de rjuchterhan joegen, as domeny dat forsocht — en graech hearre dat se op domeny syn fragen j a seijen. Der gyngen in hele bulte boppe op 'e banken stean. Do't it formulier üt wier, die domeny yet in oanspraek, dy't er seis optocht hie — en do wier 't klonken: Jildert Lütsens en Tjamke Pabes wierne man en wiif. De ljue hearden yet it klinken fen in great stik jild, dat de jongeman yn de bekken smiet, dy't yn 't hek stie en do gyngen se togearre wer nei hjar plakken. Ta slot waerd songen ps. 58 fers 8 en by 't ütgean spile en song master de 134ste Psalm. Jimme kinne der ek op oan det dat in goede Snein wier for de dyakens, der kamen goudstikjes üt de pong röljen. Lit dit gjin kinst wêze, mar dy't mear dan sechstich jier yn dy trant wit to skriuwen, komt in earepalm ta. Yn 1860 die Waling de ynset mei in nije ündernimming n.1. Winterjounenocht. Men moat witte, yn it midden fen 'e 19e ieu bigoun it Fryske doarpslibben üt oare eagen to sjen. It jong folk krige nijmoadriger kledaesje, de boeren kamen mei moaije reauwen op in baen. Dominy en master seine tsjin elkoar: „De minsken moatte hwet ha for geast en forstan," en rjuchten in lêzselskip op. Dat foun byfal by de ljue. As dat in jier dürre hie, moast der öfrekken fen halden wirde yn 'e herberge. Earst waerd er kofjedronken mei in baes read klüntsje en in great stik koeke. Nei de rekkenderij forsocht dominy efkes de oandacht en droech foar De Ledige Stoel fen de Buil. Master hie ek in stikje, hwet grappiger. It ien mei it oar foldie skoan. Do't it tiid wier om nei hüs to gean, waerd er sein: It hat in alderaerdichste joun west, sa moasten wy ris fakèr by inoar komme.v En al daelk waerd fêststeld om yn sa'n winter in kear ef twa trije op 'e selde menear by elkoar to kommen. Sa'n selskip krige de namme fen Vriendenkring ef Nut en Genoegen. Dominy en master wierne geregeldwei de foardragers, mar dy hjar ioarrie rekke ek op 't skrabbers-ein. Om libben yn 'e brouwerij to halden, noege men Waling. Der waerden for yntré ek güds by talitten dy't gjin lid fen 't Selskip wierne. En do't de fèststelde joun dêr wier, kamen dêr safolle ljeafhabbers op los, det de kasdein syn keamer eigentlik to lyts wier. Hy ornearre, der moast tsjin it oare jier' in gnappe seal komme; in pear bêdsteden derüt, en dy greate skoarstienmantel en dy gongs-mürre, den koe der ek in biljettafel yn stean. Sa krige it doarp in gelegenheid ta foardragen, sjongerij, rederikerij en komeedzjespyljen. Waling Dykstra hat earst for Winterjounenocht reizge mei Tjibbe van der Meulen. Earst nei it Fean 25 Oktober 1860. De wirklist bistie üt dizze nümers: 1. De dichter forlegen om in rymwird, fen T. G. 2. Petear fen Linseboer mei syn lanhearre, fen W. D. 3. It oerlüde tinken fen Sytske by de Pinken, fen W. D. 4. Jan Kredyt en de nearringdwaende man, fen W. D. 5. It Boelgüd, fen T. G. 6. De Harmony, fen T. G. Fen dizze jounen gie in swiden rop üt, foaral troch de Ljouwter Krante, en dêrtroch folge de iene oanfraech efter de oare, trije winters oanien. Mar do rekke Tsjibbe oan 't great ieslok, hy waerd brievegaerder; dat like him moaijer ta as yn 'e winter it lan troch to swalkjen om for tsien stüren yntré de minsken hwet tofoaren to praten. Do gyng Dykstra seis winters op reis mei Gerben Colmjon, 1864.—70. Dêrop ek seis winters mei Auke Boonemmer, de humorist fen Hirdegaryp (berne 1823, forstoarn 1894, sjuch syn libbensskets yn Swanneblommen, 1919), en do hy is hy er ta oergien om it wirk tsjien jier lang allinne to rédden. De rjuchtsinnigen hiene der net mei op, hja seagen der in stik propaganda yn fen liberalisme en modernisme, en dat koe net üntkend wirde. Mar oaren rounen der heech mei. Fokke Atzes Dykstra fen Aldeboarn joech yn 1864 in Tankbre Hilde oan de Fryske sprekkers W. Dykstra en Gerben Colmjon, in rymstik, dêr't likernöch alle doarpsljue en hjar fak yn oanhelle wirde. Hy sprekt for hiel Aldeboarn: For Melle, Douwe en Jehannes, de groatmakkers, For Auke Vleer, keapman yn kofje en tabakskerver, For Sjouke en for eltse drukker en swartferver, For Auke postrinder en Willem brievedrager, For Douwe Talman, woarstman en spekslager, ensf. En master Wynsen Faber fen Pitersbjirrum, jierrenlang de nestor fen de Fryske skriuwers, skreau In Lietke üs fryske Dichter Waling Dykstra op in gearkomste yn 'e Bjirmen tasongen (1885). Dit stiet fêst, Winterjounenocht hat in bulte slomjende krêften yn it Fryske foltshert wekker roppen. It brocht alderlei jonge krêften yn it spier for it meiwirkjen oan in rederikerskeamer ef in. sjongselskip. En do't dy hjar gaven sa'n pear kear yn it iepenbier blinke litten hiene, giene der stimmen op for komeedzjespyljen. Yn 'e measte doarpen kaem in ljeafhabberij-toaniel. It bigoun safler to kommen, det min sizze koe: In doarp dêr't net komeedzjespile wirdt, is net op 'e hichte fen de tiid. Nou wier it dêr lang net alles Frysk hwet de klok sloech. Hollanske stikken stiene meast op it program, mar nei 1860 rekke it Frysk stadichwei mear op 'e planken en oan Waling Dykstra en Tjibbe van der Meulen komt dêrfen de eare ta. Hja hawwe de Friezen brocht ta it Fryske komeedzjespyljen. Hja wierne de learmasters en de foarbylden fen in bulte oaren. Binammen Dykstra skreau forskate stikken en stipe oare toanielskriuwers yn 'e ütjefte fen hjar stikken, dy't er forbettere en fen in oanbifeling foarseach. Jierrenlang wier hy de patroan fen it Fryske toaniel. It leit yn 'e reden, det it blijspil en de klucht meast yn trek wierne, en it biwiist selskennis det Dykstra syn foarbyld naem oan de greate blyspilskriuwer Molière, dy't men neamd hat „le dieu du rire." Nou giet it net maklik persoanen, dy't Molière skepen hat, ta Friezen to meitsjen. Hwent it is net foldwaende om de wirden dy't de skriuwer hjar sizze lit, oer to setten yn it Frysk, hwent den kin it in Jan Klassenspil wirde, mar de omwirker moat alhiel meilibje yn de utering fen syn foarbyld en dochs himsels bliuwe. En dit is Dykstra wol aerdich slagge. De Tartuffe fen Molière waerd ih ynfryske Oebele Glüper (1875), syn Le Médecin malgré lui in echte Skearbaes-dokter (1878) en syn 1'Avare in tige Jildstumper (1891). Syn stikken wierne om hjar koartens en ienfaldigens krekt kost for bigiinners. Sa kamen to wrald: De giergens bidraecht de wyshcid (1862), De ütfenhuzer fen de bakker (1860), De hele boel bitejoend (1860), De Uitdragerswinkel (1860), Op Maeijedei by Wigle Kwanseler (1883), Yens wird moat men halde (1883), Yn MANUSKRIPT FEN WALING DYKSTRA. Fragmlnt fen in brief op rym oan T. G. van der Meulen. 't forgulden büterfet (1877), Keapman Koartsicht en it wiif (1874). Men mei dizze stikken net hifkje nei de kinstidealen fen 'e noutiid; men moat er gjin sterke bou yn forwachtsje, allikemin in logyske üntjowing fen 'e hanling, noch heechheid fen geast en hnens fen sizzen, mar ek gjin rauwens en plattens ef de skreauwende wansmaek. dêr't men it Fryske toaniel letter mei forlege hat. Der sit yn de measte blyspillen in moréle tendenz. It slot is trochstrings in formoanning ef sédeles. Keapman Heechboarst orearet yn Lubbert Erchtink, Frentsjer. 1866: „Om 't yn üs dagen it forskil fen standen al hwet bigjint öf to sliten en de minsken geandewei mear nei elkoar ta wenne. dêrom scoe 't 'wol winskelik wêze, dat dêr wer de wiere biskaving fen 't hele minskdom op priis steld wirdt, de oertollige etiquette oan de kant set wirde mocht, omdet dy de minsken in sedelike slaverhij opleit en it libbenslok fen follen bidjert, hwent hjar jok is hird en hjar lést is swier." Master Blomsma yn Omke Wibren en syn erfgenamen (Ljouwert 1870), preket: Det goede minsken lokkich wêze kinne sünder jild is in wierheid, dy moasten de riken allegearre forkondigje. Hwent byhwennear ljue as ik dat dogge, wirdt it net leaud. Jüd makket immen net gelokkich. Mar jild, mei soun forstan en in goed hert er by dat makket in minske gelokkich." Yn In hele Tizeboel, Hearrenfean, 1887, sjongt it slotkoar: Joech men elkoar mar jimmer hwet ta Den wis sei men op 't lést It hat onforstan wést En hja moasten hwet wizer wést ha. In minske syn ear is to tear, och! och! Men fait elkoar hird om in wird, och! och! Mar men sjucht faek op 'e lést It hat ünforstan wést, En men moasten hwet wizer wést ha. Lêns dizze wei hat Dykstra preke tsjin dommens en bygelove, tsjin kwealaster en pronksucht, tsjin oerginst en ünearbrens. Der leit in nuvere irony yn. Hy hie it net stean op 'e dominys. Yn syn steapels skriften is gjin inkelde nommele dominyshguer. It binne allegearre skynhilhge, ynklauske, ünnoazele ljue. Mar seis wier er in lekepreker, dy't tidich en üntidich syn preekje klear hie, yn safier ek in bern fen syn tiid. Det er mear as sechstich jier de skriuwer fen it Fryske folts wêze koe, is him mar net oanwaeid. Byhwennear er gjin heling mei syn folts halden hie, mar yn Holwert him öfsündere hie as in ienselvige breaskriuwer, scoene de Friezen grif net sa graech de müle set ha op de kost, dy't er hjar foarsette. Mar hy hie to goed foar it forstan, det er syn eigen libbensbloed inkeld fris halde koe mei to drinken üt de jimmer rinnende welle fen it foltslibben. En dêrom bleau er foltsman en sette er oeral it ear iepen for de foltsmüle om dêr in skat fen eigenheden üt op to heinen. Hy hat dy for in part forarbeide yn syn foltsskriften. En it folts hie niget oan itjinge üt eigen siel opwalle. Mar ek in great part fen it materiael hat er net-forarbeide weibirgen. Hy seach om him hinne it Slde Fryslan mei syn stinzen en grytmannen, mei syn poarten en lükskippen weistjêrren. De tael foroare yn klank en foarm, alde sizwizen en sprekwirden, lietkes en rymkes rekken yn ünbrük. En do hat Waling mei T. G. v. d. Meulen de Doaze fol alde snypsnaren, Frentsjer, 1856, iepene en foar it ljocht brocht hwet hjir en dêrre in alde baekster song en in beppe fortelde. Yn 1863 en 1865 joech er mei Douwe Hansma Hwet Teltsjes for de Winterjünen üt, twa boekjes dêr't it Fryske folts yn syn bizigens en koartswiligens oan it wird komt. Douwe Hansma (berne 22 Maert 1812, stoarn 9 Juni 1891) wier in Dokkumer fen komöf en letter learaer yn it teikenjen to Snits. De oprop fen Sytstra en T. Dykstra om it Selskip to stiftsjen foun by him wearklank. Hy waerd ien fen 'e earste bistjürsleden. De rede by it silveren jubiléum fen it Selskip yn 1869 is troch him ütspritsen. Hy waerd ek foarsitter fen 'e Snitser Krite, dy't yn 1850 oprjuchte waerd en hjar gearkomsten haldde by Jilke Kastlein yn 'e Hommerts. Dêr koed er syn plak wol skjinmeitsje, hwent hy hie in drege stüdzje makke fen 'e Fryske tael en de pinne wier him tabitroud. Hwet er dêr yn dy gearkomsten foarlêzen hat yn it selskip fen Frysksinnige frjeonen as master Eile van der Wal fen Offenwier, siktaris Reitsma fen Snits, dokter J. D. Schepers fen Waldsein en .oaren, foun letter in plak yn de Fryske tiidskriften lyk as Iduna en Swanneblommen. It binne meast allegearre prozastikken, bylden üt it foltslibben, dy't er trou werjoech. Dichterlike sköging sit er net folie yn. Hja binne tofolle yn it uterlike hingjen bleaun. De djipten fen it Fryske foltsgemoed lyk as de greate Flaemske prozaskriuwers dat fen hjar folk dien hawwe, wist er net bleat to lizzen. De teare hehng fen dokter Eeltsje miste er, mar hy is en bliuwt in trouwe kopiïst fen Fryske foltslibben. Waernimme, dat koe er. En sa hat er frijhwet fêstlein, dat nou al lang forstoarn is, mar dat üs helpe kin om it Fryske libben fen 'e 19e ieu to forstean. As in stil. dimmen man hat er libbe. Sa is er ek forstoarn en biïerdge. Hy rêst ünder 'e hege iperen beammen fen it Snitser tsjerkhöf. De kranten en tydskriften hawwe nei syn dea gjin wirden wijd oan syn neitinken. Mar in inkeldenien wit syn grêf to finen. Syn frjeonen en sibben binne allegearre dea. Mar yn üs Fryske boekeskat biwarje wy syn skriften as fen in drege bodder for de Fryske saek. Büten in hopen tydskriftopstellen hat er de neifolgjende wirkjes ütjown: 1. Uwnk in lok. Ien teltsje uwt it folkslibben. Antwird op de fen it „Selscip foar Frysce tael in scriftenkennisse" uwtscreaune priisfrage: ien forhael foar it folk, weroan de oanbeane eareprüs tawezen is. Leauwert, 1856. 2. Ien bult as ien heal kynsen! Eat uwt it libben fen in breklik minske, Dockum, s. j. 3. Sechjes en teltsjes üt it dageliks libben (ütjown mei W. Dykstra). Dokkum, 1863. 4. Hwet teltsjes for de winterjünen (ütjown mei W. Dykstra). Dokkum, 1865. 5. Sippe Scheltema of de Dokkumer furie troch de Waelen in 't jier 1572. Frentsjer, 1872. 6. In ünlijige tïd to Snits. Hearrenfean, 1874. Njunken Wynsen Faber en Douwe Hansma wol ik yette in trêdde neame yn it span, dy't alhiel yn it Waling Dykstra tiidrek past, n.1. Japik Asman üt Terherne (berne 8 Aug. 1833, forstoarn 22 Juni 1902), in trou meiwirker oan Sljucht en Rjucht. Lyk as de measte Fryske skriuwers hie Asman in earmtlik bistean. Earst siet er op 'e trijefoet en hantearre els en piktrie, letter fêstige er him as skearbaes yn Terherne, der't er syn herder libben sliten hat. Dêrre yn it hert fen FryslSn, yn it wetterlan fen 'e Snitser mar, Dêr't maitiids de mieden wer grienje en dwaen, En 't fügelt dêrboppe him sa bliid wit t' üntjaen Dêr't wide fjild glanzget fen 't goudgiele hea En it skreppende folts'rept sya ünige lea Dêr't swietrook de loft folt, Sint Janstried rounwaeit Bodders yn 'e Fryske Striid 38 En ,'t ljeafljocht fol swidens de blomtüfen aeit, Dêr't hjerstmis it skom yn d'ald wjittering brüz't En stoarmejacht boldrjend de fjilden oerstrüst; Dêr't 't tinende wetter wer 't bütlan birint, En holpen fen reinfleach it striden ring wint, Dêr ha Asman mei syn wiif Hindrikje Atzes van der Schouw (boaske 24 Maeije 1857) it swier en sür fen it libben preaun. Hy reizge de boer lans mei in goud- en sulvermarse en hie ek in winkeltsje yn tabak en segaren. Dat smiet net folie op, en sa bisocht er mei de pinne der hwet by to fortsjinjen. Dat stiek er net Ünder stoellen en banken. Yn it foarwird fen syn Reinder en Antsje, in oarspronkelik forhael üt it Ternhernster skipperslibben üt de foarige ieu (1890) komt hy dêr rounwei foar üt: „Ik haw dit forhael skreaun yn de hope der hwet oan to fortsjinjen. Pake lies my as jonge al almanakstikjes foar, letter krige ik de Lapekoer fen Gabe Skroar to lézen en dat smakke, nea forjit my dat. Do't ik great wier, haw ik wol ris stikken skreaun, dy't ek hjir en dêr opnomd binne, mar letter krige ik in greate hüshéldinge, en de soargen dêrfor en oare saken namen al myn tiid yn bislach. Nou haw ik der wer rom tiid for, en haw it wer oplette, yn de hope der hwet mei to fortsjinjen, dat üs sa past. Mar dat is it net allinne, ik haw der ek in bulte nocht oan om myn tinkbylden op pompier to bringen, en haw myn bést dien om dit forhael sa goed to krijen as ik koe. Ik haw it do ek ris léze litten oan ljue, op hwaens oardiel ik fortrouwen stelle koe, en hwet ik dêrfen hearde moedige my oan om it üt to jaen." Asman fitere de ljue ta it lézen fen syn forhalen oan troch se in tige lokale kleur to jaen. Hy die syn kar üt it Fryske foltslibben en binammen üt it Terhernster skipperslibben fen alear. Sa skreau er: It byld üt it libben yn Fryslin yn it léste fen de 15e ieu (Swanneblommen 1891); Rienk Oenema (Sljucht en Rjucht, 1890); In byld üt it libben yn Fryslan yn de 8ste ieu (Forjit my net, 1890); Rienk en Saep. In byld üt it libben yn Fryslan yn it léste fen de 15e ieu (Swanneblommen, 1892). In skipbreuk. In oarspronkelik forhael üt it Terhernster skipperslibben. (Forjit my net, 1892); Wraek en ljeafde. In histoarysk forhael üt de Fryske skiednis yn it léste fen de 15de ieu, Warkum 1892; Odo Botnia ef de Noarmannen yn Frystën. In historysk romantysk forhael üt de Fryske skiednis yn it foarste fen de 10de ieu, Warkum s. j. Rienk Douma. In histoarysk romantysk forhael üt de Fryske skiednis yn it foarste fen de 16e ieu (Frisia, Grou); Ljeafde en trou. In oarspronkelik forhael üt it Fr. folkslibben (as feuilleton yn de krante fen H. Brandenburg to Snits). # Fierders fynt men syn wirk yn almenakken, dy't ütkamen by J. G. de Vries to Snits, yn de Grouster krante Frisia, yn Sljucht en Rjucht 1890—1900 en yn de Fryske Hüsfrjeon. It is allegearre üntspanningslektuer, net ütgeande boppe de smaek fen it sljuchtwei publyk. Asman biëaget gjin maetskiplike ef godtsjinstige tendenzen. Sünder ombochten fortelt er en wit er de oandacht to spannen, lykwols mei bihelp fen alderlei tafalhchheden. Sielkindige karakterontleding moat men by him net siikje. Tsjibbe Gearts van der Meulen, syn sibbe frjeon, hat yn de Bergumer Krante (28 Juni 1902) de winsk ütspritsen, det in karlêzing üt Asman syn wirk ütkomme mocht. Dit scil wol in fromme winsk bliuwe. Mar yn in Fryske foltsbibletheek heart syn wirk wol thüs. Oan de brede foltslaech, dy't Frysk lést, kin men syn Reinder en Antsje en syn Noarske flskersjonge feilich yn 'e hannen jaen. Sokke boeken scille noch jierren en jierrenlang lyk as De Silveren Rinkelbel fen W. Dykstra, mei nocht troch ald en jong lézen wirde. Asman leit biïerdige op it Terhernster tsjerkhöf. Simmerdeis hinget dêr swietrook fen hea, hjerstmis is de loft der swier fen dampen üt 'e mar. Alles, alles is dêr ynfrysk. lyk as dizze man ynfrysk wier. Tsjibbe üt Birgum moat op de grêfpeal in pear Fryske dichtrigels sette litten ha, mar in Terhernster koumelker hat my forteld, det dy peal der net mear stie. Scoene de doarpsljue mei inoar net soargje wolle, det dêr wer in oantinken op komt? Dêr binne yette twa greate wirkstikken fen Waling Dykstra, dêr't wy net oer swije meije. It earste is Uit Frieslands Volksleven, twa dielen, togearre fen foech 900 siden, yn 1896 ütjown by Hugo Suringar to Ljouwert, in boek oer Fryske foltskinde dat altiten syn wearde hélde scil en neamd is „it testemint fen it stoarne Fryslan fen 'e 19e ieu." It oarde wirk is it Friesch Woordenboek, ütjown neffens bislüt fen Fryslén's Steaten, en ünder tasjuch fen in troch Dippetearden bineamde kommisje. Dit wirk waerd earst tabitroud oan Gerben Colmjon en Dr. L. C. Murray Bakker, dokter yn 'e Skrêns to Huzum. Yn 'e kommisje fen tasjuch sieten J. van Loon, pref. Tj. Halbertsma fen Grins en Mr. Ph. van Blom, do lid fen 'e Prov. Steaten en presindint fen 'e rjuchtbank op 't Fean. Do't de prefester kaem to skriuwers en sa de printkladden mei neisjen; wisten dy den wirden dy't yette net opnomd wierne, den koene se dy der op oanteikenje. As meiwirkers moatte hjir neamd wirde: A. Alberda, B. Behrns, T. J. Bonnema, P. J. Braaksma, S. en J. L. v. d. Burg, W. Faber. T. E. Halbertsma, L. Heeringa, J. Hepkema, J. J. Hof, K. v. d. Meer, T. G. v. d. Meulen, Jan Nieuwenhuis, Gerben Postma, Dr. J. B. Schepers, O. H. Sytstra, A. J. Smeding, G. Veendorp, T. Velstra, W. P. de Vries, W. Vrijburg, J. A. Wartena. Mar mei it wirdboek woe it net eine. De Steaten, soarch hawwend det it hwet al to lang oanhalde scoe, winsken in oare wirkwize. Dr. Buitenrust Hettema woe him dêr net nei skikke; hy forsocht en krige syn earfol Ontslach. Sünttiid waerd W. Dykstra for dit great stik wirk allinne holpen fen S. K. Feitsma to Arnhem, skriuwer fen Saun ris som (1889); For sprekkers en lêzers (1889); Fen earder en letter (1891); Printsjes, kleurd mei ferwen üt 'e teikendoaze ensfh. (s. j.); In dominys hüsbisiik (1893); Der wier ris (1893); JAPIK ASMAN forstjerren, waerd yn 1899 it lege plak wer biset troch Johan Winkler. Yn 1884 sei Dr. Murray Bakker syn meiwirking op; itselde jiers stoar Colmjon. De simmers dêroan waerd Waling Dykstra syn opfolger. Yn April 1891 wier dy oan 'e ein fen letter W. ta. Mar bihalven de Hollanske fortaling wier hjir en dêr de Latynske nedich. Dêrom waerd Dr. F. Buitenrust Hettema to Swol frege om dat op to knappen. Winkler naem op him de Fryske eigennammen yn in apart diel to biwirkjen. Den scoene yet in goed 20 Fryske Fryske mearkes (1893); Ut 'e modder fen 'e maetskippij (Ht&fi Oersetting fen it Marcusevangeelje (1897), De Vlugge Fries (1902) ; Een kijkje binnen de werkplaats van het Friesch Woordenboek (1905). Yn 1911 wier einlings it wirdboek ré. Eare oan Waling for it reuzewirk! Mannichien hie de patriarch fen it Friezendom de hflndert tasein, en it wier krekt eft hie er dêr wol sin oan. It roun fen de 70 nei de 80. Dy deis waerd him in boekwirk Lokwinsken oan Waling Dykstra oanbean troch Markus Miedema, skriuwer fen To hea en to gêrs (1906) en fen Bauke Saedsma en 't wiif (1891); troch F. Jac. de Zee, skriuwer fen Dounsjende michjes (1919), Langstme (1924) en Diggels (Heitelan); troch Sjouke de Zee, skriuwer fen By de Fryske soldaten yn de mobilisaesje (1914—15); Fryske foardrachten; Grienmank en kwinkslaggen; Fryske sangfoardrachten (1901); Ik kin 't net helpe(1906); Klippende klokken (1921); Mobilisaesjesankjes (1917); Printsjes üt it soldatelibben (1916); Tsjaerd Reinders, in stik Frysk folkslibben üt de doperstiid fen 1539 (1921); Stimpers (1917); Twa foardrachten (1904); Yn de fodkoer (1906); Kristendom en Mienskip, In heger ropping (1918) en Teltsjes fen Selma Lagerlöf; en troch jiffer J. Terpstra (Madzy), trouwe meiwirkster oan Sljucht en Rjucht. Do t er 90 jier wier, dichte de aldman: 'k Sit yn 'e spoarweiwachtkeamer nou To wachtsjen op 'e léste trein. Doar-op: „Ynstappe!" wirdt der sein. Den is 't sa fier, dou moaste foart, Wêz dêrop klear; dyn tiid is koart. Hy wier in Fries, dy't eigentlik net op bêd stjêrre woe. Hy glimke koart foar syn dea oer twa koartsen. Dat wierne „rare knapen." Ien dei foar it ein sei er: „Ik bin wol aerdich by myn süp en stüt." In pear üre foar de léste siken sei er mei in foars lüdi „Ik moat myn namme noch sette." Dat wier sa, in stik moast yette teikene wirde. Men helle in plankje, pompier, pinne, inket. Men stipe him de rêch en sette him hwet op. Men woe de hén in bytsje stjüre. „Né!" sei er, „net steune, den is 't net echt." Ja, echt, dat woe hy wêze yn al syn wirk. En hy hat echt west yn syn dwaen en litten. Sa is er ek stoarn. Hy wier in hirde Fries fen it alde laech, it ünforbastere skaei, in stevige stile fen ft Fryske hüs, in bihalder fen echte Fryske sin. Men hat oan 'e iene kant syn lot to neecn ütmetten mei him to neamen in „taelreus" en de „God fen de Fryske tael." Oan 'e oare kant hat men him to leech set. Fen himsels sei er: „Ik bin mar in ienfaldich man." Dat sljuchte en rjuchte stie him sa moai. Syn aerd wier earlikheid en ienfald. Fryslan hat him 20 Septimber 1916 in earestiente fen berchgranyt jown yn 'e haedstêd fen syn heitelan. Dat monumint stiet foar de Beurs oer, dêr't eltse Freed tüzenen üt alle kontreijen lans panderje. For üs stiet it dêr as in protest tsjin frjemdsin en wanbiskavlng. dy't Fryslan yn 'e hert-ier driigje oan to taesten. De persoanlikheid fen Waling Dykstra is for üs it symboal wirden fen it Fryske karakter. Salang it Fryske folts yette sokke mannen hat. scil it as folts fen karakter eare hawwe by God en minsken. Meiwirkers en meistriders fen W. Dykstra wierne ü.q.: Aartsma (Klaas Aart), berne 4 Maert 1838 to Beltsum, stoarn 12 Nov. 1874 rTzykünderwizer skreau: Spiksplinternije FesteluDunskrante 1857 Lokwinsk oan alle yet libjende minsken, det « me, de 13 jun, goed utpakt is f1857) It tsiiende gebot, of sa komme de slynders to pas, 1862, ine ferrenlette of Levi Smoel, de Lotterijjoad, 1860; It huushemelen (Bddttael) 1865 In buike oan 'e houlikshimmel, 1873; sjuch: Heitelan 1921, 296 310). Baarda (johannes D.), master to Mitslawier en Damwald skreau: In profeeHn stn eieen lan, 1863; De Folksfrieua, 1862, 1864; In lyts forsm 1889. Bakker (Mirten Hepkes)', berne to Langwar 23 Maert 1848, nou to Huzum, siuch Sli en Ri 1903, bl 351, 1923, bl. 621. S1MeekU (? ) master to Skingen, skreau: Marten C ^ef de swen^mg fen Boxum hist, rom. forhael, 1871; Rym en onrym, 1886; Rymkes, ut ae rarekiek fen it minskelibben, 1886; Snip snapt, ef de helper tsjm w.lle en tank. KLAAS AARTSMA Bonnema (Thomas Jans), berne 5 Jan. 1822, stoarn 5 Jan. 1909 to Arum, Slj. en Rj. 1908, 607. Bonsema (J.), berne 1848 to Wynjeterp, skoalmaster to Terkaple, stoarn 1920, sjuch Slj. en Rj. 1915, bl. 241, 253, 265; 1920, bl. 46. Boonemmer (Auke), berne 8 Juli 1823 to Grou, stoarn to Hirdegaryp 27 Jan. 1894, ferwer fen birop, skreau: De jounpraters to Stoppelgea, 1855, 1886; De swarte spegel, 1856; In wünderlike alde Hear, 1860; It doarpke oan 't spoar, 1876; De schoolmeester in 't laatst der vorige eeuw, 1884; mei W. D. Fryske \Vinterjoonenocht, 1872 en, frijhwet ünder 'e skülnamme master Abe, b.g. It oarde boask, 1865; sjuch R. W. Canne'S biogr. yn Swannebl. 1919. Brolsma (Reinder), berne to Stiens yn 1882, skreau: It forgift, 1923; It heech hóf 1926; Proaza, Blauwe Rige, I, 1926; sjuch Heitelan 1920, 194. Burg (Jan Linses v. d.) berne 23 Juli 1864, stoarn to Jelsum 11 Maert 1905, skreau: It Heitelan, Fr. Folksliet, 1903; sjuch Forj. m. n. 1905, 46—53. Burg (Sjirk Linses v. d.) berne 6 Maert 1863 to Opein, sont 1898 notaris yn Makkum, skreau: Master Habbema; Twa Fryske sêgen, 1915; Fen lang forlyn, 1917; sjuch Slj. en Rj. 1914, bl. 92. Dokkum (Lolke), berne to Snits 1871, dêr stoarn 1922, apteker, brocht forskate Fryske fersen op mesyk, b.g. Trije bylden fen J. B. Schepers, 1897; sjuch Heitelan, 1922, 14. Dykstra (Gerben), boekhanler to Ljouwert skreau: Dy alde goede tiid, 1897; Kees de molkboer, 1901; De nachtmerrie as in heislike raere dream, 1897; Sjoed Sukkel en syn wiif, 1897. Eisma (W. A.) berne to Boalsert 28 Juni 1869, ütjower fen Slj. en Rj.: sjuch Slj. en Rj. 1923, bl. 30—31. Eysinga—Rinia van Nauta (F. G.) berne to Hynljippen, sjuch Slj. en Rj. 1922, bl. 359. Elgersma (G.) skoalmaster yn 'e Haech, stoarn 1919, skreau: Ut it libben, 1917; Sipke en ik, 1922, sjuch Slj. en Rj. 1919, bl. 222, 395, Heitelan, 1920,82. Faber (Wynsen) berne to Arum 21 Aug. 1830, stoarn 12 Des. 1918, master to Pitersbjirrum, bisoarge 2e ütjefte fen it Fr. Lieteboek, 1899; Sjuch: Earefrissel fen master W. F., 1910; Slj. en Rj. 1910, bl. 367, 369, 373; 1918, bl. 598, 613. Fennema (H.), to Wommels, letter notaris to Snits, ünder 'e skülnamme Suminona. Feitsma (S. K.); sjuch, bl. 604. Flietstra (Klaas IJnzes) üt Boazum, letter to Almenum, skreau: Het laeste varwol oon syn baeste hunigbykes, 1866; De Frieske Nije skoalle (M. S.), sjuch: Heitetön, 1925, bl. 86—89. Gylstra (J.), berne to Snits 21 Des. 1843, stoarn 20 Juli 1905. master to Hitsum en Achlum, sjuch Slj. en Rj. 1905, bl. 240. Hager (H.) heloazjekeapman to Frentsjer, toanielskriuwer, skreau: In houliksoanfraech, 1901; Fen in alde kwael genêzen, 1904; It sürkoalfet, 1909; As heit wer thüskomt, 1916; Gjin malder güd as minsken, 1916; De alde flear, 1916. Halbertsma (Tsjalling Eeltsjes), berne to Grou 28 Jan. 1848, stoarn 2 Juni 1912 to Ternaerd, skoalmaster, skreau: Leed- en Lofsangkjes 1906; Miedeblommen, 1909; Nije Fr. Sangen, trije samlingen, 1902—1906; Keninginnedei 1898; It boerke of printsjes üt it dokterslibben, 1905; Japik BüterMom, 1905; Ut it alde laech, 2 din. 1912 (Sjuch it foarwird fen Piter lelies en I. van Loon Hs. to Mitselwier), For Hüs en Hiem (1888—95) en Nij Frysk Lieteboek (1885); sjuch Slj. en Rj. 1912, bl. 260. Hansma (Douwe); bl. 600 en 601; skreau noch Moandeisreiske mei Ulbe fen Peasens; Sjuch: Heitelan 1919 bl. 3; Forj. m. net, 1912, bl. 173—190 Hem (Pieter v. d.), berne 9 Sept. 1885 to Wirdum, kinstskdder, sjuch bij. en Rj. 1906, bl. 424; Hepkema (Jakob, berne 1845, stoarn 1919, skreau: Fiouer rotten yn ien falie of lieafde siket list, 1871; Heech oan en Smelbrêge nt ienris bisile, 1874; Sjuch: J. Hof, Swanneblommen, 1915, bl. 15; SI. en Rj. 1919, bl. 448. Herten» (Foeke Buitenrust), berne to Harns 8 Juni 1862, stoarn 5 Okt. 1922 promovearre to Utert op in proefskrift: Bijdrage tot het Oudfr. Woordenb learaer to Swol 1885; privaet dosint yn Fr. tael en letterkinde, 1896; prefester to Gent, 1917; skreau: Bloeml. Fr. geschriften, 1887; Fr. Bibleteek, 1895- Friese plaatsn. 1896; sjuch: Heitelan, 1922, bl. 494, 495, 506, Levensber. der Maatsch. v. Nederl. Letterk. 1922, troch J. B. Schepers; Swanneblommen 1920, 47. Hylkema (Bonne Sjoukes), berne to Meskenwier 1862, toamelskriuwer, skreau: Ienfald en ljeafde, 1886; O dy studinten, 1888; Earnst en koartswyl, 1889- Snapt, 1890; In studintegrap; Yn 'e sniderswinkel, 1912; Simen de profeet 1916; It komplot, 1917; Wylde hierren, 1919; De hirde wierheid; De fiskersdochter, 1922; Sjuch: Swannebl. 1920, bl. 30, 60, 91. Hylkema (S. H.), berne to Nes (Ut.) 1852, stoarn 23 Okt 1922, Graenkeapman, wethouder to Ljouwert, letter to Velp, skreau: Sibbel en Klaes 1878; Lytse toanielstikjes en sangfoardrachten, 1879; Tsjamke jurkje; De toanielfoarstelling to Jelryp; It silveren horloazje, 1881; Jonker Frans, 1881; Aldjiersjoun, 1882; sjuch Slj. en Rj. 1922, 574. Hof (Jan J) skülnamme Jan fen 'e Gaestmar, berne yn 'e Gaestmar 1872, skreau- Iepen Brief oan dr. J. B. Schepers, 1900; Klankboarne, 1906 Omstikken en sydstikken, 1907; De greate striid, 1917; De moaije shepster ef Pnnseske Pinksterblom, 1924; Is der in Fryske tael? 1914; De saek Wielsma en Sipma-Hof, 1913; mei O. H. Systra, N: Fr. spraakkunst, 1925; Yn eigen tun, Fr. lesboekje; Nije koarsangen, 1920; Sinneblommen, tiidskr. for Fr. sang. Hottxop (Teatse), berne to Drylst, dêr skoalmaster en forstoarn 1925, skülnamme Gerben Goasses, skreau: Boaskje of Barne; In faem mei fjouwer frijers; Hamlet, oersetting 1925; sjuch: Heitelan, 1925, 562. Hoogland (P.), master to Aldwald, stoarn 1925, skreau: Lezing oer it ünderwys yn Frysk, 19110; sjuch: Heitelan 1925, 262; Fryslan, 1917, 116. Hornstra J. J.), berne 18 Aug. 1856 to Wergea, master to Kubaerd, Fnens en Roardhuzum, sjuch Slj. en Rj. 1924, 9. Janzen (P.), berne to Frentsjer, architect to Meppel en Dimter, sjuch Slj. en Rj 1923, bl. 154. Jepkema (Georgius), berne to Roardhuzum, skreau: In Snjeon-to-joun yn in doarpsskearwinkel, 1898; Hjar twade mem, 1904; Forjit my net, 1905. Jong (Sietje de), berne 1884, boer by wachtpost Warns, stoarn 1920, sjuch Slj. en Rj. 1920, bl. 440. ^ . 'M £ Feanster krantc, in man dy't mei wird en died de Fryske saek stipe hat. Troch Hepkema rekke er oan 'e lektuer fen master Gysbert en de Halbèrtsma's. En do't hja ienris de Terbênsterleane léns kuijeren, fltere er de studint oan: „Jonge, do moast ris in histoarysk stik skriuwe." Dizze liet dat yn him omgean en do bilênne er yn 'e 16e ieu. mei syn greate frijheidsoarloch, dêr't üs béste nasjonale tradysjes hjar groun ha. Dat histoarysk libben kaem rüch en geef him foar 'e eagen to stean. Hy ündergie de bikoaring fen safolle heltesin ek mids it forried en de wankelmoedigens fen dy tiden. En hwer to wréld siet yn boeken eat, dat helje koe by de libbensamme, dy't strüst troch de acht dielen fen 'e Archives de la maison d'Oranje-Nassau (1835—61) publisearre troch Mr. Groen van Prinsterer? Wagenaar pandere om dy hguren hinne fen 'e 80-jierrige oarloch. Hy kipe se yn 'e eagen, hy tikke se op it skouder en rêstte net foar en alear er se boetsearre hie. Sa kaem de Tsjerk Ages ta stan. yn ien fen 'e heechste foarmen fen wirdkinst, n.1. it drama. Dizze dichtfoarm stelde oan 'e kinstner hege easken. Hy frege it formogen om mei syn persoanen mei to libjen as bern fen hjar tiid en dochs sünder det de histoarje de dichterwjukken yn 'e brfin sloech. Oan dy easken hat Wagenaar op weardige wize foldien. Wy nimme hjir it foarste toaniel oer: In boeremilhüs üt 'e 16e ieu to Rinsumageast; it is simmer. Diüwke, in alde ienfaldige boerinne, set in jounmiel op 'e tafel. D i ü w k e, allinne, mei de sküteldoek de tafel óffeijende: Sje sa, dat is wer ré, de brijpot, 't jounmiel klear, Kaem nou üs foltsen mar — 't wirdt wer sa heislik let; Mar 't is nin nychheid ek, hwent sont üs Anne n't mear By 't spil is, is d'r in tige man to min. (Hja hinget de doek oer 'e milhüsdoer en giet sitten). Dy earme swalker fier fen hüs en hiem, Yn Lod'wyk's tsjinst, mei 't rouste, botste folts, De dead foar eagen, doarmet d'eable feint Troch 't frjemde lan — of dobbret er mülk wol Op 't wylde wetter, hwer de stoarmen bylje En 't iepne grêf mei wide müle gappet (Giet wer oerein). Hwet biste fier — och fier üt memme eagen, Mar hwerste ek biste, djip yn memme hert Hest yet dyn plak, ja 'k sjuch dy as wierst hjir. Hwet like er heit, mei't dertne goudne hier, Dat om syn holle slingre en oer 'e kraech Fen 't baitsje delhong, 't moaije blauwe each Fol libben, dêr't syn hiele siel üt spriek. Hwet glinsteren dy sêft as hy üs jouns Ut 't Testemint to f oaren lies; in trien Stoe 'r yn syn eagen, lêsde er ho fol ljeafde As Jezus hert wier foar 't earm minskebern.... Hwet flonkeren dy eagen, do't er seach Ho as üs alde bürman üt syn bêd Weihelle waerd en foartsleept nei de stêd Om't hy de preker ütfenhuze hie .... Ho bliksemen dy eagen do't syn fust De hersens ynsloech fen 'e bloedhoun, dy Hear Aylva gripe doarst, üs nomm'le hear (Hja leunet mei de han jin 'e mürre oan). O 't wier in droev'ge neare nacht, do't hy For 't lést my taröp: Mem, farwol, farwol! (Hja fait kritende op in stoel del). En mei üs hearskip weiteach, wit ho fier Wei . mülk for ivich dêrfor weitsje God! (Hja bliuwt mei de holle yn 'e hannen sitten to mimerjen en to skriemen). It miskearret dit drama net oan aksje. Men sjucht de lytse Diuwke dounsjende troch de milhüsdoar op beppe taspringen, hjar flaeijend oer 'e wang streakjen en hjar treastgjen mei de bernefrage: „Us Ljeaven Hearke is dochs net dea, nou beppe?" Men heart folts oankommen troch it büthüs. amers delsetten, jokken öfdwaen. Tsjirk en Bauk traepje biswit it milhüs yn. De vikarypryster, foarstanner fen 'e nije lear en fen 'e frijheid forskynt mei in brief fen fendrich Anne, dy't focht to Hilligerlie en de greven Aremberch en Adolf fen Nassau sneuveljen seach. Mem sjongt in Datheenpsalm. Yn 'e tapkeamer fen Sierd Ages sitte boeresoanneo en feinten to bierdrinken. Jhr. Aylva stampt mei syn bierkanne op 'e tafel en haldt dizze taspraek: Alear laei troch de sé Ompolske, faek oerstreamd, in lyts byt lan; Allyk in swannepfMle op 'e poel, Sa dreau it op 'e sé en yn dat lan . Dêr libbe in folts ienfaldich, rjucht en sljucht En freedsom, gol en goed Mar as in heap Fen noardske rövers opdüke üt 'e sé, Mei moard en bran, op 't ünfoarsjoenst, om büt Op stêd en doarpen foei, en alles flea En fluchte; as den fen terp ta terp it needfjür De konde brocht fen hwet er geande wier, Den fleach hwet warber wier to wapen en Allyk in blits gong 't op 'e fyan oan En bruiden hja it róversbrot to bek, En skielik fleach in fleat fen't Fryske stran v Oer 't skomjend skolprich saït nei 't noarden ta, En 't barnend Denemarken fielde 't krimpjend • Ho't Friezen it hjar oandien ünrjucht wreekje; — En as in ridderskloft mei Hollans graef Foaroan, bislein yn stiel en goud, folleard Yn kamp en striid, it earem, smoezich lan Syn frijdom nim me woe, den fleach it folts To heap, en halsberch, as en helm laei gau Toplettre yn 't slyk: ald Starum hat it sjoen, Ho't WiHem, Tsjusklans foarst, hjir iens forgong. For frjeonen trou as goud, yn frede sêft As 't laem, dat op syn terpen weide, mar For al hwet hjar hjar frijdom róvje woe Allyk in lieu, mei tosken, hird as stiel, Der nea nin röfdier ,fcim oan weage of 't foei, Siz, hokker folts dat wier (Hy sjucht swart yn 't roun). Slach d'eagen del! En büg de holle en skamje w' üs! Dat folts dat wier it fryske folts dat folts Dat wierne üs alden.... wierne frije Friezen! (Hy haldt efkes op, djippe stiltme). Dat wierne frije Friezen.... hwet binn' wy? In slaveheap.... it keatting om 'e han, De strop hast om 'e hals, mei de eagen del, De holle bügd en op 'e knibbels lein De skoen to patsjen fen dy üt fordrukt! Scil dat sa bliuwe? Fryske soannen, siz! Jhr. Aylva lést den in brief foar fen syn heit üt Hilligerlie, in oprop ta de Fryske jongerein om help. Tsjerk Ages swart dêrop: As 't jimme mienen is, binn' jimm' biret Om liif en libben t' offerjen for 't lan — Us earme heitelan, üs earem folts — Den doch ik mei en 'k swar dat sa lang as Ien Spanjert hjir yet mei syn stjonkende amme De loft forpestje scil,.sa lang striid ik Ek for de frijdom fen üs ildergroun! Den swarre hja allegearre. Jhr. Aylva kriget in feane, rollet dy üt en wiuwt him hinne en wer. It Geuzekamp fen greve Lodewyk wachtet hjarren. Men heart kletterjen fen wapenrissingen en swir- den. In füleindich gefjucht mei de Spanjerts is geande. De Ynkwisysje docht Ündersiik op 'e boerkerij fen beppe Diuwke. Dêr falie offers. Tsjerk seit tsjin syn mem: Skriem dou, ik kin 't net mear, tofike is my It hert.... toskürd, toplett're... o, Tsjamke wei, Us Anne, mem en Diuwke alles wei! En 't heitelan?.... Split wer, o Reade Klif, Lyk as yn 'e alde tiid, mei gromjend lüd De droanjende ierde iepen; skür en brek En boarst him üt inoar; en spij wer üt Dyn grounleas djippe strot, wylst heel de groun Gearkrimpt en trillet, skoddet fen 'e skrik, Dyn fjürge slangen yn %e wolkens op; Ja, gjalp op gjalp flean' üt dyn müle omheech, In gleone sé fen lögjend fjür bidobb' lt lan, dat siedend barnt en kreaket yn In fonke-rein Den, noardske sé! kom op En krölje de alde hüd en skou mei krêft Dyn weagen foart, heech, heech, as bergen heech, En touwerj' se oer 't lan. Skür wei de diik, .Raem terp en wieren wei en dol in grêf, Dêr alles flamjend yn forsinkt — i k mei! (Hy sjucht wyld foar him üt, krekt as seach er 't, mar foart derop forfolget er wanhopich laitsjende). Brüs den en skomje, gromje en bylje lüd En tongerje it oan 't Spaenske folts yn 't ear, Dat earder Fryslans groun yn loge opgiet, Dat earder d'oceaen it lan oerstout En swolg't op en brüst oer 't libleas grêf, Eer 't fryske folts syn frijdom oerjaen scil. It is in stoer, sterk stik wirk, fol aksje, mei flottens yn it petear. mei ynlike tragyk, mei wearlüden fen Schiller's Wallenstein. Hjir en dêrre is it net frij fen rhetoryk, mar dêrfoar stiet wer in hearlik realisme oer, sadet men maklik de lekken en brekken oer de holle sjucht. It is miend as lêzdrama. Wagenaar woe net to boek stean as toanielskriuwer. Twisken him, soan fen it Réveil, dy't puriteinsk greatbrocht wier, en it skouboarchpeblyk laei in einleaze öfstan. Oan Gerben Colmjon, archivaris fen Fryslan, komt de eare ta it bern kreas yn it habyt stitsen to hawwen. Hy forbettere it grienmank fen Wagenaar syn boekstoaijinge, dy't in mykmak wier fen de Gysbert-Halbertsma-stavering. Ek hat er hjir en dêrre de tekst hwet omwirke. Sa rekke it stik yn Forjit my net, it Selskipsorgaen (1876). In tritich jier letter hat de Jouster krite it op 'e planken brocht en yn 1913 is it ünder de namme De Frije Friezen as iepenloftspil yn 'e Hepkema-boskjes by it Fean spile. Ut de studintetiid (1876—81) stamje yette de klucht Doarwaerder Sonsjeman, inkelde boartlike stikjes erotyk, in stikmannich lyryske fersen, it histoarysk dichtstik Igo Bycht en fiif mearkes, Teltsjes fen Omke. Omke scil fortelle: „Berntsjes, kom hjir om my hinne; dou op 'e knibbel, lytse koeze, en earst efkes: Hop, hop hynke Nei Ljouwert om in pynke, Nei Snits om in witebrea. Dan ride wy al üs hynkes dea. Op ien nei, op twa nei, op üs lytse, ljeave koeze nei. En jimme hjir yn omke hüske, lytse petotters en dou op dyn stoeltsje nést omke, lytse glüpert.... en jimme allegearre yn in ring om omke hinne. Net kibje famkes. Allegearre stil. Omke bigjint." Hjir priuwt men de golle, gutige Wagenaar mei syn bliere laits. Hjir strielet yen tomiette in hert, dat de bern ljeavet. Seis hied er gjin bern, mar de ljeafde fen it jonge libben socht en foun er. Hy wier seis bernlik fen gemoet en dat joech him it dichterwêzen. It koe net oars as it jongfeinte- en jongfammelibben moast yn syn dichtersiele wirde ta in sankje, lyk as dat moaije: r*?*".' Ik ken in famke op 't Hearrenfean, Dy kin nin ien as ik'forstean; Us moat ek nimmen hearre As wy togearre. Ik praette mei dat skatke net, En dochs, om tüzenen ik wed Det nuver nommle douke Wirdt yet myn frouke. Dêr stiet in skriftke yn hjar tüt, Dêr lies ik lang al klear dit üt; Ta'n segel joech myn skatke 2Ay 'n fyn, waerm patke. As hja my yn 'e fjirte sjocht, Ho liep dy lytse tsjoenster docht! Den moat hjar silvren stimme Ris fyntsjes brimme. En as hja tichte by my stiet, Ho't jakjen op en del den giet! Ho knoffelje hjar hankes Oan 'e skerldoekbankes! Ta d' eachkes kyp't hja frjeonlik üt; Dêr sjocht de kleare himel üt; Dochs kinn' dy ek wol tsjuster, Oars sei'k 't to bjuster. O, hie'k ris op 'e tong myn hert, Den sei ik: ljeafste, witste hwet? Taest ta, ik wit, dou wotte, Dêr hest de knotte. De 19de Febr. 1880 waerd Wagenaar dominy yn Wüns, „sa kus yn it grien biskule," mei it byldmoaije thébos-tsjerkje. Hwet hat er dêr de uterlike wielde smakke fen it dominyslibben! Dêr wier in wolfoarsjoene tsjerkepong, in paleis fen in pasterije. in miente „for de alde wierheid" en greatsk op dominy. Dêr rekke er oan it iverjen for de „skoalle mei de Bibel" en holp er wakker om it oermachtich liberalisme tobek to setten. Do't er 1 Desimber 1884 it doarp forliet, waerd de iepenbiere skoalle dy't gjin bern mear hie, sletten. Op in Söeintomoarn kaem yn Wüns in weinfol hearders üt Heech. de oare Sneins wer; hy foldie skoan en krige it birop. In jubeljende kloft minsken helle him yn en 7 Desimber 1884 hêldde er syn yntré oer de opdracht fen Eliëzer om in breid to siikjen for de soan fen syn hear (Genesis 24 :1 ensfh.) De strud for Kristlik Ünderwys en antirevolüsjonaire polityk waerd der forhefttger. It gie do yn Fryslén hird om hird. Read en swart stienen skerp foar inoar oer. Der wier brênstof for in revolüsje. Domela Nieuwenhuis en Fortuijn stokelen it folts op. Heldt waerd kandidaet steld for de Keamer. De tsjerkliken hienen baron Schimmelpennink van der Oije. Wagenaar stie foaroan yn 'e organisaesje. In manifest gie yn sé. It neamde Heldt in foltsforlieder opdüke üt 'e kaken fen 'e sosjael-demokraetsy. Do naem Piter Jelles Troelstra it wird en keilde Wagenaar in Iepen Brief tsjin 'e holle, tytle Fij Lützen! mei swiere bitigings. Wagenaar en Troelstra metten eltsoarren somtiden op it Hearrenfean by Hepkema. Hja koene do best mei eltsoar. Lützen syn fleurich sin en koartswiligens loeken Piter danich oan en as hja oer earnstiger dingen to praet kamen, al koene hja it den faken net alhiel lyk hne, hja bitrouden inoar wol sa goed, det de iene fen de oar syn wolmienendheid en earnst oertsjüge wier. Hja arbeiden togearre om it platte, it poepeklomperige, it ünfoegé, ünearbre en spotterige tsjin to gean, dat sa faken it Frysk bismodze. Hwent de ljeafde for de memmetael, „dat erf fen tüznen jierren," hie hjar yn ljeafde bóun, ho tsjinstridich oer it heechste hjar tinzen ek rounen. Mar de wirden fen master Gysbert waerden biwierheid: De frjeonskip rekke oan 't forkaldzjen Oan 't klünjen, klomjen, oan 't forildzjen. Wagenaar hie op forsiik fen Troelstra in oersetting makke fen in Ingelsk lietke tytle De iere moarn. Dat krige plak yn it Nij Frysk Lieteboek, mar Wagenaar woe der syn namme net boppe ha. Dêr miende Troelstra üt op to meitsjen, dat Lützen him for it Frysk bigoun to skamjen. Dizze krige do yn Fij Lützen to hearren: Jy halde it nou mei de tale Kanaans en jy bilasterje Heldt en jy helpe ljeaver in baron as in arbeider yn 'e Keamer. Wagenaar liet dizze oanfal net ünbiandere. Hark ris Piter of Ho't de Franske Wyn üs Fryske foltsaerd fordjert, Balk, 1886, neamde er syn wolmienend biskie. Foar en alear er it oan 'e pers tabitroude, frege er ds. Guldenarm fen Easthim, dy't as in oare Salomon troch it rjuchtsinnige folts eare waerd, om rie. En dizze joech to halden: „Utjaen, nou is it Frysk op syn plak en nou kin it de saek fen tsjerke en skoalle en Godsryk tsjinje." En gjin Fryske skriuwerij is der ea sa ynslein as dizze. Alle ljeafhabbers fen üs tael wierne der oer üt, det Wagenaar de wylde oanfal sa kranich stien hie. Hwet hat er moaije oanhellings üt Gysbert en Windsma, hwet in moaije grepen üt it Fryske foltslibben, ho tapaslik binne it teltsje fen 'e tsjoendersfeint en de prachtoersetting fen Mac Cheyne's „Eens was ik een vreemdeling," ho raek binne syn stealtsjes fen liberale koejenaesje en neutrale skoalleöfgodderij, ho nommel is de léste blêdside: Sa eoed as jou tinke doare, haw ik ljeafde for myn folts, myn heitelan, syn tael, dy't brüzje en skomje kin as wetterstreamen, delknetterje as swiere hagelstienn'en, ma! ek sa swietlüdich rüze as it klotskjen fen dy't it boat omaeije op it spegeljend marke yn 'e my de s.mmenoun! Help mv Piter Jelles, en wy scille in skatboek opmeitsje fol fen goudstikken, by inoar fandele üt mannich ünskatbre neilittenskip, en eare it ne.tmsen, en skilderje it byld fen dy't masters wierne yn üs gouden tael. Licht dat it den ek wêze kin, dat jo hwet bigjinne to fielen fen it ünrjucht, det wy lije, en for üs striid om de driigjende Revoluesje tsjin to halden mei it Evangeelje; - en mei it ald-fryske gelove, de rjucht-fryske frijdom, de ynfryske ienfald, de troch en troch fryske rounens to kearen de franske wyn! Den koe der yette op dit ünwaer twiske jou en mei folgje in sêfte rein, dy't tier joech oan üs fryske lettertün, en einlings scoe licht wol it sintsje wer trochbrekke mei strielen fen frjeonskip en frede. Ik wit yn 'e groun fen jou hert halde jou fen my, en dêrom hoopje ik, dat jou nei it lézen fen dit skriuwen my jou frjeonskip wer w.rdich achtsie;.* kin yet net litte, howol 't jou my sear dien hawwe mei dingen en wirden yn jou brief, om mei ljeafde oan Piter Jelles to tinken; ik forjow jou alles; en komme jou earne wer mei in fleurich keppeltsje of allinne yn myn gol en frjeonlik Heech, rin dan net wer myn glêzen foarby mar kom yn, en nei t wy aslroune Friezen efkes togearre praten ha, scille wy alles Óffüskje; myn wyfke scd it lieteboek op 'e piano sette en mei elkoar scille wy sjonge: Fryslan, Fryslan, dy 'forjitte Scil ik yn it tsjustre grêf — Mar dyn heldenrom ütmjitte Sa lang as ik sykje kin. Sa lang as ik sykje kin! Hjirmei hie him lykwols de stoarm yette net dellein. Hepkema. de faderlike frjeon fen de beide kampioenen, moast der ek sines fen sizze. As Gabe fen Grouergea kaem er yn syn Haldt op Jonges, kort beskie oan Piter en Lütsen. Warkum s. j.. mei in fleurich koeltsje üt it Südwesten en liet de boatsjes yn 'e alde Grou der troch snije. det de skipperhountsjes songen fen wille. Hy sette Piter to plak: As Lütsen immen swart makket en bikladdet lyk as er Heldt dien hat nei dyn miening, den wier dat for dy gjin reden en joech it dy gur,i rjucht om de Heegmer dominy op it himd üt to klaeijen en dan de wrald ta to roppen: „Sjoch, dêr stiet er!" Dou mochtste ek net üt 'e skoalle klappe! Beide ha jim der omhinge as wiet hea om de skute en hwa hat dat net mar hwet bard is yn 'e feintetiid, as 't jonge libben rüst en brost, dat tsjmnet men immen net foar de foetten to smiten, as er alder wirden is. Hwet de moanne sjên mochte, dat moast de sinne net iepenbiere wêze! Dat heston dien, jonkjen! En mear as det. Lêz dyn Wetboek mar ris nei en sjuch hwet dêr printe stiet oer misbrük fen fortrouwen! Dyn alde, sibbe frjeon in nijmoaderige heiden te neamen, dy't onkristelik skelle kin, dy't de ünskfld lastert en fenyn üt 'e Bibel hellet, koe dat troch de mesken en moast dat oan 'e greate klok hinge wirde? Fij, Piter! Hepkema lést Lützen it leksum, det er Waling Dykstra, „in skriuwer dy't yn Walhalla al in plak hat" sa'n feech üt 'e panne jown hat. „Lit ljeaver jins wyfke ris op 'e piano spylje Waling syn moaije ferske üt „Blommekranske for de Fryske bern" (1851). Hwet bist dou ljeaflik Rizende simmermoarn. Heart dat lietke en hündert oare fen Waling thüs yn 'e „scernedobbe?" Fierders bistrydt er it Snitser manifest, hellet ek hiel hwet oan fen master Gysbert en einget syn brosjure mei dizze wirden: Piter, jonge, pas op en stek dyn swietlüdige dichterspinne net wer yn 'e galle. Lütsen noegje jou, as Piter komt, Heldt en Waling Dykstra der ek by — kin 't, den wol Gabe fensels ek graech meikomme en wy scille, nei't wy efkes mei inoar praten ha, füskje en sjonge hwet jou wyfke op 'e piano spilet. Dat kin in froalike joun wirde. As it alde en jonge Fryslan mei jMk^ foriene ophellet: „Alle minsken binn' myn broerren", scoe'k foarstelle dêr in lyts printsje fen lüke to litten, om dat op to hingjen ta in oantinken yn 'e moaiste pronkkeamer fen 'e pasterije to Heech." De Fryske letterkinde hie der gjin skea fen, det it Fryske hert ris oan it skolperjen en brüzen rekke. Men seach wer det üs tael en fóltsaerd yette net ta'n ein wierne yn 'e kritike 80-er jierren, do't men praette fen „earm Fryslén." It popere en libbe yette as foar ieuwen. En do kaem Piter yetris mei Nei de Stoarm, Rym en Unrym, Greate Jouwer, 1886 en biseach de bigripen fen frijdom en algemien stimrjucht ris fen in oare kant as Lützen dien hie, en dizze krige yette mannich prip yn it léste haedstik In ütfenhüzer by alde Foek fen Heech en yn dat swietlüdige ferske De tsjerkütet Ho smük leit Wüns yn it beammeskad Sa küS yff'h grien bisküle Hofsjoitgerkes njüntsje 'r blij hjar liet Op 'e tsjerkenael sit in üle. Bodders yn 'e Fryske Striid 42 Dy üle knypt d'eagen fêst ticht for it ljocht, Dat dêr ütgiet omheech fen 'e sinne, Mar nachts den gült er it üt fen 'e nocht, As it spüket en rüst öm him hinne. ensfh. Wagenaar hat letter net folie mear oan it Frysk dien, mar do't er domthy to Ljouwert wier (1889—92), hat er yetris utering jown oan syn Frysk-nasjonalisme yn syn lêzings oer greve Willem Lodewijk for it Frysk Genoatskip. dat him ek yn steat stelde dizze yn breder foarm üt to jaen ünder 'e titel Het Leven van Graaf W. Lodewijk, Amsterdam, s. j. Dizze libbensbiskriuwing joech wer oanlieding ta it oprjuchtsjen fen it stanbyld for greve Willem, en oan Wagenaar kaem de eare ta by it üntbleatsjen it feestwird to sprekken yn bywêzen fen keninginne Wilhelmina. Oan in prinsipiéle aksje for it Frysk-nasjonale hat er him net weage. Allikemin brocht er de Fryske saek troch it Kristlik bigjinsel yn forban mei in algemiene, allesomfetsjende libbens- en wraldskóging. Dat kaem nei foaren yn in oar formidden, n.1. yn de Fryske studinteklub, dy't de 26 Nov. 1898 oan 'e Frije Universiteit to Amsterdam stifte waerd troch D. R. Okma, Joh. Jansen, S. Huismans en oaren. Do kaem it Frysk yn tsjinst fen it heechste to stean, hwent de gearkomsten waerden iepene en sletten mei gebet. Dêrmei waerd in prinsipe steld fen de djipste djipte, fen de breedste breedte, en de heechste hichte. Op ien fen hjar jierfeesten ünthjitten de leden inoar om it sied dat hja ütstruiden yn eigen formidden, letter ek to siedzjen op Frystóns groun. Wagenaar haldde for hjarren in lêzing oer Gysbert Japiks en teikene letter for hjarren (hy koe sa teikenje en makke ek printsjes for syn Tsjerk Ages), in Fryske lidmaetskipsbul. It ünthjitten is neikomd Pinkster-Moandei 1908. do't ünder lieding fen ds. S. Huismans to Eanjum it Chrisdik Frysk Selskip stifte waerd. Wagenaar. dy't do dominy yn Middelboarch wier, stie for de earste ütjefte fen dit Selskip it Gysbert Japiksboekje, Snits, 1909, syn lêzing oer Gysbert öf. Mear koed er net dwaen. Hy skreau my 20 Desimber 1909: „Ik sit hjir as in karper yn 'e kelder. It Fryske libben en de Fryske sprake is my Üntdreaun." Sa slim wier it lykwols net. De Fries is yn him nea net forstoarn. Wol hat er it do net lang mear makke. Gjin jier neitiid. Okt. 1910 is er forstoarn. Op him wierne fen tapassing de fersrigels fen dr. O. Postma. de dichter fen Fryske Lan en Fryske Libben. 1918. 2e pr. 1923. bl. HO. Wy sjonge fen 't forline, net omdat lt skiën en goed is boppe hjoed en moarn, Mar om't it uzes is, üs hiem en wrald. Hwent ljeavje kinn' wy net as eigen groun. En as de dichter oer de skied fen 't hjoed, ln prester, giet forseine kriten yn — O, al de ljeave sjammen bliuw' him by Fen 't eigen alde lan fen lang-forlyn. Siuch- S Huismans, Moai sein, Lützen, Snits, 1916; Wagenaar Gedachtenisrede zijner 25-jarige ambtsbediening, gehouden in de Noorderkerk op 19 Febr 1907- G H. van Kasteel, Voor 25 jaren. Bladzijden uit de geschiedenis der doleantie in Friesland, 1911; S. Haagsma, Een Wik op Fries ands Koopvaardij in 't midden van de 18e eeuw, yn Nieuwsbl v. F»esL 1907; H A Poelman, De handelsstad Hindeloopen, yn Vrije Fr. dl. 27, bl. 32o—J44, S A Waller Zeper, De oorsprong van de kleuren der Hindelooper sierkunst, yn Vrije Fr. dl. 27, bl JIK_juo; 15. visscner, /"V^int Fri«I W Eekhoff Geschiedk. Beschrijving van Leeuwarden, 1846; H. Blink, Friesland als economisch gewest in den loop der eeuwen en in 't bijzonder in den teeenw. tiid; G. Kamerling, Een bezoek aan Friesland, 1916; O. A. Wumkfs, Sikke Koldyk, Yn üs eigen Tael, 1924, 139-142; Bij het. portret van J. H. J. Wageningen thoe Dekama, sjuch Vnje Fries, dl. 21, bl. 437—44U. SIPKE HUISMANS DE deaden binne gau forgetten. Amper is de léste skop ierde op it deafet smiten eft dêr fljucht it bidriuwich libben wer hinne yn ünbidimlike feart. Nei in amerijke fen stiltme lit it mei dübelde krêft syn rjuchten jilde. Goed twa jier binne yn 'e hoed fen 'e tiid forsonken. sünt 'Sipke Huismans, de Fryske foarstrider, de wirge holle foargoed dellaei. Scil it oantinken fen syn wirk by de Friezen steande bliuwe? Ik hoopje it, hwent Fryslén mei it him tank witte, det de Fryske striid de steun krige hat fen in albihearskjende, fundamentéle wierheid. Hwet it Waling-Dykstra-tiidrek yn syn sabeare „neutraliteit" en bigjinselleas nocht-en-wille-stribjen miste, dat sette hy mei ien slach as in strieljend ljocht op 'e kandler. Huismans forstie it wird fen Chateaubriand: „tin principe vaut mieux que cent mille hommes." Hy makke de Fryske striid ta in prinsipiéle striid, mei himsels as in kerdaet hndeldrager foarop, dy't him altiten wer op dy iene ünforbidlike, ünskatbre wierheid biröp, dy't de krêft west hie fen it Kalvinisme: „Ut en troch en ta God binne alle dingen." For him wier de Fryske striid yn 'e groun in seedlike, godstsjinstige striid, in striid for God en Syn rjucht op it gebiet fen it nasjonale libben. En for dat iene haedbigjinsel fen syn libbensskóging baernde it yn him as in fjür, dat net ütsloech ta in brén, mar waerd ta in sterke ynderlike löge fen tawijinge. Sa hawwe wy him kend as in krêfthguer mei in fêst wyt, net as in reid hinne en wer slingere, mar dreech en stoer as in ikebeam yn it Germaenske wald. In fijén fen al hwet slop wier, fen alle kalde droktme om him hinne. In Fries, hwaens portret men jerne in plak jowt neist dat fen Lubbertus en Bogerman. Berne 10 Maert 1873 yn it lytse Loëngea, dêr't syn élden in koumelkerij hiene, bisocht er de H. B. S. to Snits, die steatseksamen en waerd studint oan 'e Frije Universiteit to Amsterdam. Dêr krige syn libben de roailine, dy't it oant syn léste sykheljen hélden hat, n.1. fen it Kalvinisme, dat alle terreinen fen it greate libben opeasket for de eare fen God, om't it Ivich Wêzen de souvereine Skepper en Underhalder is fen alle dingen. Dêr giene him troch de kolleezjes fen syn karmaster dr. A. Kuyper oer linguistyk de eagen iepen oer it goerjucht fen de Fryske tael en de Friezene ropping yn it ljocht fen 'e Griffemearde wraldsköging. It waerd him op 'e Fryske studinteklub al in bigjinselsaek mei fiere ütsichten. Hy woe der oan meidwaen ünder ien bitingst, dêr't for him alles oan hong: De klub scoe net allinne stean op Griffemearde grounslach, mar de gearkomsten scoene ek iepene en ^ HUIgMANS sletten wirde mei in Frysk gebet. Ik lit it him nou herder mar mei syn eigen wirden fortelle: Ik scoe dominy wirde, Evangeeljepreker. Dat scoe myn libbenswirk wêze. En nou kin en mei in dominy nést syn libbenswirk ek noch wol hwet bywirk dwaen. Hy kin hwet ymkje en hwet hinneboerkje, howol hij soks gau tofolle docht en men it him faek net goed ófnimt. Mar ik fielde, det mei de Fryske saek yen yn to litten wol hwet mear wêze scoe as in bytsje ymkerij en hinneboerkerij. En dêrom ien fen beiden: it bihertigjen fen de Fryske saek moast yn myn libbenswirk as Evangeeljepreker opnomd wirde kinne ef it moast net kinne. Yn it léste gefal hie de saek for my foartdalik üt west. Ik hie net meidien, hwent it Evangeelje fen Christus en Syn bitsjinning is for my it heechste. En al haldde ik fen it Frysk, al hie üs heit üs faek moaije stikjes üt Fryske almenakken tofoaren lézen, al hiene wy as bern yn 'e hüs tige nocht hawn mei Waling-om's „Doaze fol alde Snypsnaren, en oare Fryske boeken — ik hie graech myn ljeafde for it Frysk ta'n offer brocht oan de Evangeeljebitsjinning. Mar ik seach det dit net hoechde. Just oan 'e Frije Universiteit learde ik ynsjen en forstean, det in folk en syn tael net ta'n offer hoege to fallen oan Christus' evangeelje, mar dêrtroch hillige en werberne, wijd en omheechfierd wirde kinne ta de tsjinst en ta eare fen God; ja dat soks net alhnne kin, mar dat it ek moat, omdat gjin inkeld stik fen Gods wundermoaije skepping forlern gean mei, en it allegearre yn Christus syn bihald fine moat. As in folk en syn tael forlerlt geane, dan komt dat nea net troch it Evangeelje fen Christus, mar altyd troch it twangjok fen frjemde bistjürs- en kultuermachten, en allermeast troch eigen skild, üntrou, forried, moart oan eigen aerd en wêzen, hwent salang as men gjin forrieder en moardner fen yensels wêze wol, hoecht gjinien folk ünder to gean. It Evangeelje fordjert de folken net, mar bihaldt se, en sprekt graech mei ider folk yn syn eigen tael. Dêrom seach ik yn it Frysk gjin hinderpeal for de Evangeeljebitsjinning, mar in iepen doar, in nije wei, in ljochte takomst. Mar dat joech my ek de moed om yn de stifting fen de Fryske studinteclub foartdalik it heechste to biheljen: de religy, it gebet, it oansprekken fen God. Dat hie net kind en dat hie net bard, as it Frysk in bysaek, in aerdichheit bliuwe moatten hie. Dat koe en dat barde nou't it for my fêst stie, det it Frysk yn tsjinst fen it heechste komme mocht en moast. En lyk as ik dêroer tochte, sa tochten de measten deroer. Oan D R. Okma, nou abbekaet to Ljouwert, waerd oplein in Frysk iepenings- en tankgebet op pompier to bringen. It wier ek sa frjemd, dat bidden yn it Frysk wy hiene it thüs net leard, gjinien fen üs allegearre — in frij gebet scoe üntstichtsje kinne, en dêrom — in formulier! En sünt dy tiid waerden de gearkomsten fen de studinteforiening mei Frysk gebet iepene en sletten. Dit barde yn it jier 1896. Men scoe freegje kinne, hwet bitsjut dat nou? Mar den is myn antwird: Skriuw it mei gouden letters yn 'e jierboeken fen 'e Frysk-nasjonale biweging! Grif, der is wolris in Frysk gebetsje makke, der scil wolris in Frysk gebet op in gearkomste ütspritsen wêze, en yri nacht en need scille in hopen Friezen hjar yn Fryske wirden ta God keard hawwe, mar gearkomsten mei Frysk gebet as fêste rigel, den moat men ieuwen en ieuwen tobek, do't de Fryske sprake yette in amptlike tael wier yn tsjerke, skoalle en biwald. Mar folie mear as dat it hwet nijs wier, woech it bigjinsel, dat dêrmei steld wier. in bigjinsel fen de djipste djipte, fen de breedste breedte, en de heechste hichte: „Alles is jimmes, mar jimm'binn' fen Christus en Christus is fen God." Troch dit bigjinsel wier it stribjen fen 'e miet öf oan net inkeld taelljeavjend, mar nationael. Hwent as men fen de fóltstael it „Ut God. troch God en ta God" jilde lit, den yette folie mear fen it foltslibben. it foltswêzen. it foltsaerd. dêr't de tael neat oars as de utering fen is. It scoe om to laitsjen wêze, de Allerheechste oan to roppen for de tael allinne, en net for it folts, syn need en gefaer, syn rjucht en plicht, syn ropping en takomst yn forhalding ta Nederlan en de wrald. Sa libbe it mear en minder sterk yn 'e jonge studinteherten oan 'e Frije Univérsiteit, en op ien fen hjar jierfeesten ünthietten hja eltsoarren it sied, dat ütstruid en opkomd wier yn eigen tün, letter ek to siedzjen op Fryslan's groun. Huismans hie do net tinke kinnen, det dat wirk mear for syn rekken komme scoe as for dy fen syn frjeonen. Mar God hie him ütkard. Do t hy yn 1900 kandidaet waerd, wier ünder 'e tsjerken, dy't him biröpen, ek de tsjerke fen Eanjum, in echt Frysk doarp mei in wündermoai tael- en foltslibben. Dat birop naem er oan en dêr wier de stoere wirker mids in stoer folts op syn plak. Dêr hat er de béste jierren fen syn libben arbeide. Dêr joech er him oan 'e fakbiweging, oan 'e drankstriid, oan Patrimonium, oan 'e sinding ünder Israël, oan 'e pers. As meiwirker fen it „Friesch Kerkblad" wier er as „de Poortwachter" yn 'e Griffemearde wrald bikind om syn snedige stikken, modellen fen journalistyk wirk. De kroan op syn tsjerklik libben wier de sit. dy't er krige yn 'e Generale Synode fen 1911. Mar op gjin terrein hat er Fryslan djipper oan 'e hert-ier taest as op dat fen it eigen nasjonale libben. Hy waerd de stifter fen it Christlik Selskip for Fryske Taelen Skriftenkennisse, dêr't hy ek jierrenlang de sterke lieder fen wier, Syn oprop stie Oktober 1907 yn it Frysk Deiblêd. It wier for dy dagen in died, hwent it Frysk stie by it kristenfoks op kweanamme. Frysk lézen wier de wrald tsjinje, yen ynlitte mei godleazens. Do't myn earste stikken oer it Fryske Réveil ütkamen (1909), siet in ald wyfke to Heech dêryn to lézen. Bürfrou kaem yn en seach it. „O Jantsje" - sei hja - „léze jo Frysk op Snein, komt dat wol goed?" Memmen warskögen hjar soannen for it Frysk. Fryske skriuwerij hearde thüs by herberch, kaert en komeedzje. Do't ik myn earste Fryske preek to Tzjum hélden hie (3 Jan. 1915) krige ik wech-en-wear wei brieven fen biswiere broerren en sisters, dy't yn tüzen noeden rekken oer in tsjerke, dy't sokke dingen taliet. Huismans koe dy wearaksel ek by syn Eanjumer miente, dy't perfoars net lije woe, det dominy it Frysk op 'e stoel brocht. Lykwols de oprop foun wearklank. Der Wierne merkteikens fen in nije Maitiid. Yn 1906 hie O. S. Akkerman, blauferwer to Aldeboarn en foarlêzer yn 'e Griffemearde tsjerke syn Foarjiersblommen ütjown en Anders Minnes Wybenga to Niawier (berne 25 Okt. 1881) droech eigenmakke rymstikken foar op 'e Griffemearde jongfeinteforiening. Master G. Kamerling to Rinsumageast, boargemaster H. M. Tromp to Snits, Mr. J. W. Tysma en master Veerman to Ljouwert, dokter D. J. de Witte to Heech en iksels foelen by. Mei de stiftingsgearkomste waerd wachte oant Pinkstertwa 1908. Huismans hie mei opset sin dy dei keazen. Syn iepeningswird tsjüge dêrfen. „It wier" — sei er — „de rom en eare fen Christus' tsjerke om it Evangeelje to forkindigjen yn alle talen (Hénl. 2:11). Mar hwet moast den net yn in Christenfries omgean, as er aloan de fredetynge yn in frjemde oanlearde sprake bringt en heart?" It bistek lei yn 'e rügens klear en kaem hjir op del: It is Christenropping eigen tael to brüken ta eare fen God, to hilligjen as godstsjinstige tael troch oersetting en forsprieding fen 'e bibel, to ünderwizen op 'e Christlike skoallen, to earjen as omgongstael ek yn it Christlik mienskipslibben en to foredeljen as kinsttael ek yn 'e Christlike skriuwerij. Men gie yn sé mei fyftich meidoggers, dy't in jier neitiid fortsjienféldige wierne. As goed Kalvinist folge Huismans daelk de positive methoade. De 12e Aug. 1908 scoe it bertehüs fen Gysbert feestlik in tinkstien krije. It nije Selskip waerd ek ütnoege en daelk sei de lieder „meidwaen!" Hy joech it feest net priis oan in diel fen it Fryske folts. Men moat yen mei de saken bimoeije en net miene, det weibliuwen in protest is. Hy woe fen 'e miette öf oparbeidzje mei it Selskip fen 1844. Seis herde er it wird yn 'e Broerretsjerke. En alhowol it euvel nommen waerd, stie er mei mannemacht oan op jildlike stipe fen it Christlik Selskip oan 'e tinkstien fen Waling Dykstra (1916). Hy seach de forhêldings sa breed en skerp. As er yn 1919 op it öflein paed tobeksjucht skriuwt er: De Fryske saek kaem troch it Chr. bigjinsel yn forban to stean mei in algemiene allesomfetsjende libbens- en wraldsköging. It Selskip fen 1844 hie dat net dien. Syn foaroanmannen hawwe folie en goed wirk makke. Der wierne en binne noch trouwe, heechsteande striders ünder. Der scille ek wol ünder west hawwe, dy't for hjarren seis it Friezendom yn heger ljocht biseagen. Mar it Selskip as Selskip diich dit net. Dat naem de Fryske saek op lyk as dy der laei sünder mear, en it wier hjar natuerlike ljeafde, hjar ünbidoarne Fryske aerd, det se dat diigen. It Chr. Selskip bringt for de Fryske saek hegere krêften yn wirking as allinne natuerlike ljeafde en karakterfêstens. It wiist oan it Fryske folk syn plak yn it skeppingswirk fen God, yn it forlossingswirk fen Christus, yn it hilligingswirk fen de Geast en jowt dêrmei oan de Fryske tael in stim yn it Hallehijah-koar fen alle oare spraken op ierde. It haldt yn de jierren dy't folgje gearkomsten yn doarpen en stêdden, yn sealen en tsjerken — en it nije yn al de gearkomsten, it iepenjen en sluten mei gebet yn Christus' namme, it lézen fen Gods Wird yn Frysk, it sjongen fen Fryske psalmen is net for de foarm, mar jowt it wêzen oan — it is de Christelik-religieuze grounslach fen üs Fryske stribjen. Dat is thetysk de bitsjutting fen it Chr. Selskip. Anti-thetysk leit syn bitsjutting yn it towekker roppen fen de jonge Friezen, dy't for it Fryske stribjen in ütgongspunt sochten en founen yn it Iwmantetysk-religieuze. Dêr moast it ta komme. Sünt üs Selskip „Christelyk" foar syn namme set hie, net om mar in oare namme to hawwen as it Selskip fen '44, mar om de Fryske saek yn Christelik ljocht to pleatsen en üt it Christelik bigjinsel ,to sterkjen en to stevigjen — wier it logysk needsakelik det oare Friezen for hjar Frysk wêzen en wollen ek breder founemint sochten. En dat hja de humanistysk-religieuze flagge keazen en ütstieken lit üs tagefyk sjen dat hjir yn Fryslan op geastlik gebiet de tsjinstellingen yn 'e takomst wêze scille. It platte materialisme scil, as it hjir ea hwet fêstichheit hawn hat, yn it Frysk folkslibben gjin hald mear hawwe. De massa fen it Fryske folk is idealistysk fen libbensopfetting, religieus fen sin. De iene heite fielt him as minske goed en lit syn religieus libben üt eigen siele opkomme, is humanistysk-religieus, de oare fielt him as minske forkeard en lit it üt de Godssoan Christus, as de iennichst goede minske. opkomme, is Christelik-religieus. Sa steane nou al de Jongfryske Mienskip en it Chr. Selskip neist en tsjin elkoar oer. Sa scil de tsjinstelling bliuwe, ek al spatte der selskippen en mienskippen en bounen ütinoar en komme der oare. Sa scil de tsjinstelling ek wêze op tsjerkelik, sosjael, polityk en oar gebiet. Dêr leit hwet goeds yn; dit goede: de Fryske saek is dêrtroch bigjinselsaek wirden. Earst wier dat net sa. Do wier it in saek fen sentiment. It Fryske gefoel woe noch wolris hwet kitele wirde. It moast nochris laitsje kinne, hwent jonge, yn it Frysk koe min it dochs sa koartswilich sizze. En 't moast nochris skrieme kinne, hwent, och, hwet koe dat Frysk dochs tear en oandwaenlik wêze. Idere winterjounenocht-sprekker stie de iene kear foar it boerdtsje as „Jean, qui rit", en de oare kear as „Jean, qui pleure". It Frysk tsjinne yn it iene stik as Hanswoarst en yn it oare as de earme bidlersfaem op Krystjoun mei hwet lüsjefers to keap. En dat hie ek wol bitsjutting. Dat wier kinst, faek tige echt en wündere moai. Der wierne ünder de Selskipsmannen djipfielende en heechsteande dichters. Mar it Frysk hie sadwaende in bistean op it gebiet fen 'e kinst en.... yn 'e boerebüthuzen. Dat is nou oars en nei myn sjenswize better. Ut dizze tael dêr't in djippe profetyske oertsjüging üt sprekt, is nei to gean hokker nije floed yn 'e Fryske biweging opsetten kaem. En net inkeld geastlik, mar ek organisatoarysk en taktysk. Men klage, det hy tofolle taktysk wier. Mar den wier syn antwird: It giet net oer hwet mear of hwet minder taktyk, mar oer goede of forkearde taktyk, oer de weardearring fen de kansen, djft.lt Frysk-nasjonale libben hat om ta syn rjucht to kommen. En dy steane by my tige leech. It Frysk-nasjonale libben is folie swakker as it liket, en it Hollanske imperialisme is folie sterker as dat it nou noch hearre litte kin. Fensels is it us wirk dy kansen to forbetterjen. Jimme miene dat dwaen to kinnen mei it uterste fen üs prinsipe foartdalik op it wirkprogram te setten. Ik wol op e flakte bliuwe en op it wirkprogram sette hwet wy mei müghkheit yn it earstoan krije kinne. Nou bin ik net blyn for it goede yn in taktyk as iimmes It kin wolris goed wirkje de skrik deryn to jeijen. Mar it kin ek weze, det it neat jowt en det wy üs bilachelik meitsje. En dat is nei myn bitinken it gefal mei jimme taktyk. Forstean my goed. Net it Frysk-nasjonale pnns.pe makket bilachelik. Dan scoe ik my likegoed bilachelik makke hawwe En der laitsje üs imperialisten ek net om. Mar om dat foardaelk as eask op it wirkprogram to setten. Hwent dat fiele alle Hollanske en Ho lando-Fryske imperialisten wol - dat is it kommen mei in bliken sabeltsje tsjin in pantserfort. Huismans wier en. bleau folbloed realist, al sloech yn syn siele de löge fen in heech idealisme. Dêrom leit yn syn taspraken in skat fen wysheid bisletten. dêr't de Fryske biweging for 'e takomst gouden winst mei dwaen kin. En dêrom stjürde er ek mei sa'n greate sémanskinst it skip fen 'e Chr. nasjonale aksje troch de faek balstjürige weagens hinne. Hy wier it. dy't my needsake it samlerskip fen it tiidskrift Yn üs eigen Tael waer to mmmen. as ik troch myn folie oare wirk der for opsttüpe woe. Hy makke it plan for it priissjongen om 'e Noardske Balke yn 'e Harmomje io Ljouwert. Hy oppere it tinkbyld fen in Akadeemje fen Fryske Wittenskip yn 'e haedstêd. Hy joech de dichtstikken en teltsjes fen dr. L. Wagenaar üt. Hy wier de siel fen de greate F^zendagen to Snits en Frentsjer. en hwet kleau syn wolsprekkendhod den ta hege nichten, as er it hie oer it Hollanske imperialisme ef Fryslan forlike mei Simson, dy't men de eagen ütstitsen hie. Ik kin hjir iepenlik forklearje, det it my mear as ienris kald oer 'e rêch roun ef ta triennen brocht. Né. sa koe er it net yn it Hollansk. dêr't er jimmer mei wraksele hat. It wier in stik fen syn eigen libben, as er skreau, dat de Evangeeljetsjinst yn it Frysk Ünder Friezen djipper sneed krije scoe yn 'e herten. Hy makke propaganda for it Frysk yn eigen miente as er om Nijjier by it ütgean fen 'e tsjerke oan alle ljue by de doar in dichterhke, selsmakke. Fryske nijjierswinsk ütrikke liet troch de koster. Hy roun mei evangeeljesaesjeplannen en woe mei my in krüstocht meitsje troch Fryslün. boete preekjende. mids de oardielen fen God, yn 'e heitelanske tael. Mei apteker Roorda van Eijsinga to Amsterdam hie er brieveforkear oer deselde saek om as it koe de Fryske adel for it plan to winnen. Mar yn dit rêstleas krewearjen for de Fryske saek leit tagelyk it bigjin fen syn libbenstragyk. Nearne yn Frystón wier men op syn aksje geset, it gie Jan en alleman Bersten toflier. Dêrom bleau men koel en op in ófstan. Ek do't de tiid kaem. det er om syn bern bisiikje moast üt de Eanjumer efteröfhoeke wei to kommen, biröpen fekante Fryske mienten lyk as Drylst, Huzum en Ljouwert him net. Dat die him sear, ek om himsels, mar allermeast om syn folts. dat him nei oan it herte laei. De greate kliber, dy't wike oan wike mei langstme nei syn pittige stikken ütseach, woe dochs mar ljeaver net in eigen learaer, dy't it sa skerp sizze koe. Do kaem. nei't er sekstjin jier de Anjumer miente tsjinne hie. it birop fen Zevenhoven, noch gjin 200 sielen great. Hy seach er in gat yn for de takomst fen syn bern. mar it wier ef er in ljeave deade to hóf brocht. De 28e Maeije 1916 preke er öfskie to Eanjum. Hwa scil biskriuwe hwet er do yn syn herte omgie! En Zevenhoven holp him hinne troch de swierste oarlochsjierren, mar hy fielde him dêr net de alde. It izer hie der gjin stien om him op to skerpjen. Dat hie er allinnich by de Friezen. Dêr stie er wer yn syn krêft. lyk as op it Dimter Friezenkongres, 16 Juni 1917, dêr't er pleite for forplicht forlykjend twatalich ünderwys op 'e skoallen (Sljucht en Rjucht 1917, bl. 273). For syn bern brocht Zevenhoven allikemin ütkomst'as Eanjum. Eltse moarn foar seizen yn 'e bare winter mei de trein nei Alphen, it wier gjin Gearkomste fen it Boun fen Fryske Selskippen büten Fryslan, halden to Dimter Juni 1917.__^__ dwaen. Do't den ek yn 1918 it birop nei Doetinchem kaem, seach er dêr in oplossing yn fen 'e swierrichheden. Mar hy kaem dêr om to stjerren. Ja, yn 'e earste opslach joech er him mei krêft, mar it gie net maklik mids de Saksyske bifolking, dêr't de libbensiepenbiering sa hiel oars wier as yn it stoere heitelan. Ut syn brieven sprekt in einleaze langstme nei Fryslan. Hy libbet op as er de 7e Aug. 1918 it greate kongres fen it Boun fen Frysknasjonale Selskippen to Ljouwert bywennet en dêr syn wichtige rede haldt oer it Frysk as learfak op 'e skoallen (Slj. en Rj. 1918, bl. 371, Yn üs eigen Tael. 1920, bl. 159). Ynderlik baernt yette it fjür, as er it samlerskip fen it tiidskrift yn 1920 — ik hie my forskrept — oernimt. Den slacht er wer mei de swiere foarhammer op it ambyld en syn sinnen droanje: Wumkes hat him midden yn 'e Fryske striid wirpen. En wy hawwe him der ek mei alle macht ynhelle. Tofolle miskien. Hwent it libben fen hjoed is kald en hird. By it libben fen jister kin in idealist en optimist as Wumkes syn waermte bihalde. By it libben fen hjoed net. It hjoeddeiske moat him wol óffalle. Fakernöch haw ik mirken, det Wumkes syn forwachtingen fiersto heech stelde. Ik haw myn forwachtingen sa heech net. Mei Wumkes haw ik roppen om in Fryske akadeemje fn Wittenskip en Kinst. Mar nea haw ik my ynbylde, det dy der nou hast al komme koe. Ik röp üt need. Wumkes röp üt hope. Ik wier pessimist. Wumkes optimist. Wumkes syn optimisme is biskamme, de hope foei wei. Myn pessimisme is net biskamme, de need bliuwt en ik bliuw roppen. Hwent al haw ik in pessimistyske sköging op it Fryske libben, it Fryske libbensrjucht stiet by my fêst, dat hat my ienris oanpakt en lit my net los. Do't ik jong wier, hie ik noait tocht, det ik in strider wirde moast for it rjucht fen it Fryske folk op syn eigen libben. It is gjin licht wirk. It is itselde as by stoarmwaer op in trochbritsen sédyk to stean om mei san en stiennen en balken it gat ticht to krijen, bynei sünder hope op wolslagjen. Hwerom dat plak net to forlitten? It dominyswirk is mear as genöch om in minskelibben to foljen. Mar ik kin net oars. Nou, nei safolle jierren fiel ik better as ea det wy net stjüre, mar stjürd wirde. De fieling for it Fryske libbensrjucht is yn my in löge, dy't mei gjin sé fen Hollanderij üt to dwêsten is. Ik hald oars wol fen myn gemak. En ik haw by in great hüsgesin in drok tsjerkelik libben. Dêrnei hanneljende, scoe ik it wirk wol delsmite kinne. Mar dan scoe ik earst mysels öfwirde moatte. Ik wit wol, det men gnysket om üs Frysksinnigens, en foaral om de Frysksinnigens fen ien, dy't dominy is. Mar ek in dominy scil wol yn 'e earste pleats minske wêze moatte, en in minske scil wol alderearst it libben libje moatte sa as God it yn him lei. Dêr komt noch by, det er ek as dominy it Evangeelje dan dochs wol bringe moatte scil sa as it is. En it Evangeelje fen Christus is nou ienkear net tn Evangeelje fen imperialisme; ek net fen Hollansk imperialisme^ It twmgtb» eigen, gjin persoanlik, ek gjin nasjonael libben ünder m pk mar makket d frij I Evangeelje wol Gods greate wirken forkindige hawwe fen elts yn syn eigen tael. It is it Evangeelje fen Jezus fen Nazareth, dy't gj.n deade offtsté e ereatheid wier, mar in büten it offisiéle alhiel nij opkommen utsprutsel. In Nazarener, in nije sprüt! Forachte, sa as in forhollannere m.nhear in boerefries forachtet. Mar by alle forachting dan dochs drager fen in n.j utsprutend eigen libben. De man, dy't him balling helde en gedurich-oan sokke stikken granyt nei it heitelan keilde en dêr it hymskerpe wapen fen it sarkasme yette by hantearre, offere it beste dat yn him wier for it heitelan op. Yn 1919 haldde er noch yn Amsterdam en Ljouwert syn rede Christus en it rjucht fen de memmetael. Mar de krêft bigoun him to üntsinken. De 15e Juni 1920 skreau er oan Kamerling, dy't mei selsume trou de Selskipssaken bihert.ge: „jo binne in echte Fries en litte net los. Wiken en moannen oanien sit ik ta de hals ta yn it wirk en it wetter komt bynei oan e lippen. Alle dagen bin ik wirch en oP." It kaem saher, det Ds. D van Dyk üt Grins de lieding fen it Selskip oernaem (1 £>ept. 1921) en A. M. Wybenga it samlerskip fen it tiidskrift (1922). Febrewaerjemoanne 1922 bigoun it lijen. Tiden moast er platlizze. Syn hope om mei Septimber wer better en klear for it wirk to wêzen forfieach en wémoedich skreau er oan Kamerling (1 beptimber 1922): For my wier de Fryske tiid fen 1908-21 de moaiste fen myn libben En al is it for my nei lichem en siele op great fortriet utroun, ik scoe dy md graech weromroppe wolle. Hjir to Doetichem bin ik wünderhk segene, ma fk scoe it in great foarrjucht achtsje, as ik nochns wer yn ,t Fryske lan^for it Fryske folk yn de Fryske tael arbeidzje mocht oan e komst fen .t Godsryk. Mar de kans dêrop wirdt ho langer, ho minder. De Fnezen, de Gnfformearde Friezen foaral, hingje almeast de Hollanske kant oer. In Fr.es dyt it Frysk net for ü> aerdichheit mar üt bigjinsel brüke wol, kinne se net forneare. It forhollannere Friezendom seach mei bliidskip my büten Fryslan gean, en scil my net maklik wer yntitte. De forskining fen Wybenga's psalmbiriming wier as in ljochtstriel yn 'e lijens-nacht (1923). De oersetting fen it Nije Testemint. dy't it Selskip him en my opdroegen hie, bleau in saek fen neitinken, mar moast er oan my oerlitte. It wier in op en delgean yn it syktmeforrin. Yn 't oanwinncn koe er wer in bigraffenis liede. Do spriek er fen de hope, dy't de krêft is fen it Kristlik leauwe, en mei sa'n klam det men sei: „Sa hawwe wy it noch nea net fen him heard." Mar dat wier ek syn swannesang. Trije wike neitiid laei er foar it leste anker. Do t men him koart foar 'e dea yn it Hollansk frege eft hy in ynspuiting ha woe, gie dat freegjen net mear ta him yn, mar do't op oanstean fen 'e dokter de fraech dien waerd yn it Frysk, loek ynienen oer syn wêzen in bhnk fen bigripen en biwilligjen. De Snjeons 19 Juli 1924 teach syn siele troch de ivige poarten, dy't foar it rjuchtfeaïdich folts iepen stean. By it iepen grêf op it höf to Loayengea hat ien fen 'e sprekkers it pynlik riedsel nei foaren brocht. dat God syn tsjinstfeint mei sokke skoandere jeften tarist hie. mar net it formidden joech om dy jeften ta in swide Üntjowing for 'e mienskip to bringen. „Dat riedsel" sei er. ..makket üs stil, mar wy kinne ek noch tankje. Sa is it Lyk as ik üt namme fen it Selskip op it hof ütspnek, kinne wy Huismans bitinke as in treftige jefte fen God, as in greate seining oan it heitelan, dy't for üs hoed en noed lot. It weifallen fen sa'n man is net inkel in great forlies. mar ek in oardiel oer üs Fryske striid. in rop om minder slop en heal to wêzen. en mear bigjinselfêst, mear ienriedich. Siuch- Skriften fen ds. S. Huismans, ütjown troch it Chr. Fr. Selskip, 1927; Yn^ eigen "Si iW-24; G. A. Wumkes, .«Pke H«.smans yn Hatelan, ml bl. 358-59; deselde, Léste eare Yn us ^^}^'^^Zq' dese*, Ut Nederland, Goes, 1925, bl. 304^309; Leeuw. Kerkbode, 2 Aug. 1924; j. v. d. TTw Ca^ne^De'^dnls R"Jbouu fen Fryske Selskippen büten Frys,an"',Tn SwïïJbtoï^l&. bl 154; E. B. folkertsma, Tsjugems 1920, bl 83^5; 1921, bl. 83; D. Kalma, Boekeskoging yn ^ ™%*}-™9' e B Folkertsma, De Fryske Striid yn Frisia, 1916, bl. 368 , 341—340, ia>ia, g E> Kalma, BioardieJing fen Lytse Imperialisten en Blme Sunson vn Frisia 917. W. 126 en 224; deselde, Kalvinisme en Fryske "trad, yn Frisia, mi bl 92-^5-, M. S. E. Visser, Kalvinisme en Fryske stn.d ibidem 1911, bl. 187-191; P. Sipma, in ütsteld ünderwysadres Heitelan, 919 bl. 22, 38, 52; deselde, Ds. Huismans as skiedskriuwer, Heitelan, 1921, bl.,5/4, Meiwirkers oan.Y. E. T. en striders yn 'e Christelik Fryske aksje wierne: Akkerman (O. S.), blauferver to Aldeboarn skreau: ^"blommen, 1906; For elk hwet, 1909, It nije Foardrachteboek, 1912; In jounpraetsje oy baesSmid, 1914; Swier to rissen, 1916. Beem (W van), haed fen Chr. skoalle to Wommels. Sa(S.E Wéndelaar), üt Dronryp, haed fen 'e Chr. skoaUe £j°kku£. Cnossen (Wibe P.), koumelker yn 'e Jutryp, berne 1877, kenner fen ESD^mï'(J.), Griff. dominy yn Britsum, oersetter fen 'e Vita Fretherici Yn ^MkfD^ai)1 betnTn Des. 1887 to Blija, Griff. dominy yn Grins, foarsitter fen i Chr.'Selskip yn 1922-25, opfolge troch ds. S. E. Wesbonk fen e Hommer* skreau: Yn heger ljocht, taspraek op 'e Friezendei to Frjentsjer, 1917. Dijk (H. van), Griff. ds. to Gaest (1891-1913), Wester-Nijtsjerk (1913 _Erlngar(Jac.r)n, Herf. dominy to Woerden 1903, skülnamme J. van Donia. Folkertsma (Eeltsje B,), berne to Ferwerd, 13 Oct. 1893, dêrre ünderwizer, fierders to Dokkum, Drachten, Gaestmar, bistjürder fen it moanneskrift Tsjügenis, 1920 en 1921; skreau: Us Fryske skiednis, 1916, sette oer de Heid. Catechismus efter de Psalmbiriming fen A. M. Wybenga, en de Confessiones fen Augustinus yn it moanneskrift De Holder, 1926; sjuch: D. Kalma, yn Frisia, 1921, bl. 39—42. . Hettinga (Tewes), berne to Toppenhuzen, Herf. dominy to Hynljippen 1922, spriek op 'e Friezendei to Boalsert; revisor fen 'e Fr. bibeloersetting. Kamerling) (G.), berne to Heech 15 Sept. 1870, ünderwizer to Haerlem, Drylst, Heech, boppemaster oan 'e Chr. skoalle to Harscamp 1894—1902 Rinsumageest, 1902—1911, sont learaer oan 'e kweekskoalle to Dokkum, 1908— 1924 skriuwer fen it Chr. Selskip, skreau: Gybert Japiksboekje, 1908; Een bezoek aan Friesland, 1916; sjuch: G. A. Wumkes, By it ófgean fen master Kamerling, Yn üs eigen Tael, 1924, bl. 123; E. B. Folkertsma, De lieding fen it Kristlik Selskip, ibidem, bl. 88—93; A. M. Wybenga, Hwer't oan leit, ibidem, bl. 93—94; Deselde, Neipraten, ibidem, bl. 108—109; S. E. Wendelaar Bonga De kaerten op tafel, ibidem, bl. 145—153; Forklearring, ibidem, 1925, bl. 1. Koksma (F.), banketbakker op it Hearenfean, ek meiwirker oan Slj. en Rj. Noordmans (Oepke), Herf. dominy to Idskenhuzen 1903), Sumar (1910), Laren (1923), haldde op 'e Friezendei to Snits de rede oer Lan en libben, Yn üs eigen Tael, 1918, bl. 144—150. Rusticus (Sjoerd), ünderwizer to Nijlan, samler fen it moanneskrift De Upstalbeam (1925) Schurer (Fedde), berne 25 Juli 1898 to Drachten, Chr. ünderwizer op 'e Lemmer, skreau: Fersen, 1925; War dy, in Fryske striidsang, muzyk fen R. Beintema, 1925; Forrizenis, For mingd koar, toansetting fen Th. A. de Vries, 1926; Folk en Tael, 1926. Veerman (O. L.), berne to Eastermar, haed fen 'e Chr. skoalle to Ljouwert, skreau: In wünderdokter yn 'e Walden, Yn üs eigen Tael, 1914, bl. 113—122 (skülnamme Scaevola). Veltman (Jan), berne to Drachten om 1856 hinne, bibelkolporteur yn Fryslin en Flaendeiïan, ek kinstskilder, nou to Utert, skreau sketsen yn it tiidskrift, en ü.o. Baje en haar kerkje, mei Fryske stikken. Visser (Michiel Sjouke), berne to Hilaerd; boer to Britsum, skreau: Feinteforienings en Fryske tael, 1916; haedbistjürslid fen it Chr. Selskip, samler fen 'e rubryk Fen eigen hiem, yn Fr. Dagbl. 1911. de Vries (Adzer), berne to Menaem 2 Oct. 1878, wenne to Toppenhuzen en is nou biblethekaris fen 'e iepenbiere lêsseal yn Snits, skreau mei Dr. Wumkes Nederl.-Friesch Woordenboek, fortaelde de Imitatio Christi (leit yette yn hanskrift). Witte (D. J. de), berne to Skuzum, sont 1899 dokter yn Heech, sont 1921 haedbistjürslid fen it Selskip; sjuch: Heitelan, 1924, bl. 252. Wybenga (Anders Minnes), benne 25 Oct. 1881 to Niawier, skreau: Loddespitten, mei libbensskets fen Dr. Wumkes, 1911, en Foar de Füst wei, 1914; syn oar wirk is yn alle jiergongen fen Yn üs eigen Tael, dêr't er samler fen wier 1921—1924. Syn psalmbiriming kaem üt yn 1923. Skülnamme Fetse Greidema en oare. Wumkes (Geert Aeilco), berne 4 Sept. 1869 op 'e Jouwer, bisocht it gymnasium to Doetichem (1883—89), studearre theology to Utert (1889—93), biandere in priisfraech oer it prêsterlik orakel by de Hebreen, dat vn Amsterdam mei goud bikroane waerd, wier dominy to Hoorn op Skyljelan (1894), Roden (1898), Zeerijp (1901) dêr't er promovearre (1904) op in dissertaesje oer 'e Griffemearde tsjerke yn 'e Ommelannen (1594—1795), Snits (1906— 1924) en waerd do biblethekaris fen 'e Prov. bibletheek. Hy wier fen 1909—1918 samler fen Yn üs eigen Tael, skreau: It Fryske Reveil yn portret- Bodders yn 'e Fryske Striid 43 ten (1911), joech üt de preken en taspraken: Mozes dea, 1915; Paulus to Rome 1915, De lógjende Hagebeam, 1916, It ljocht fen 'e wrald, 1916; Heilich patriottisme 1917; Bijbelfriesch, 1917; Joadendom en Friezendom, 1917; Frvslan en de Bibel, 1918; Fryslan en de sinding, 1918; Earste Fryske Dooporeek to Lytsewierrum, 1919; de Nije Maitiid, 1921; De beam fen Berseba, 1922- Himelsk Harplüd, 1923; De Welle fen Bethlehem, 1923; De ropping fen Éliza 1925; Foar it léste Anker, 1926; De Namme fen it alter, 1926. Fierder joech er üt: Frysk foardrachteboek, 1911;/Friezendom en Christendom, 1916; Ut 'e Heilige Dobbe, 1919; Frysk rymsnoer, 1925; en mei A. de Vries Nederlandsch-Friesch Woordenboek, 1916; Hy bisoarge mei O. H. Sytstra de 5e printinge fen de Rimen en Teltsjes, 1918; socht as redakteur fen it tiidskrift for folkstael, skiednis en folkslibben „Groningen" (1916—18) en troch syn histoaryske opstellen yn 20 jiergongen fen de Groninger Volksalmanak (1906—1926) forbining to krijen mei de Fivelgoaëer en Hunsingoaër Friezen en by hjarren it Fryske stamlibben oan to treastigjen. Op dit stuit biwirket er de skriften fen syn frjeon S. Huismans en de ütjefte fen de Fr Fortaling fen in N. Testemint, dy't étjown wirde scil troch it Nederl. Bijbelgenoatskip. Sjuch fierders: Winkler Prins Geïll. Encyclopadie, 1922, XVI 558—59; S. Huismans, dr. G. A. W. yn De Spiegel, weekillustratie voor het Chr. gezin, 29 Maart, 1919; A. M. Wybenga yn Slj. en Rj., 21 Dec. 1918; R W. Canne yn Heitelan, 1924, bl. 214; Burdo, ibidem, 224; A. H. de Vries, Dë rtije biblethekaris fen Fryslan, SI. en Rj. 1924, 178; P. Sipma, Heitelan, 5 Apr 1919; D. Kalma, Fryske Kronyk yn Frisia, 1921, 134—138; E. B. Folkertsma, It Fryske Professoraet, Tsjügenis, 1921, bl. 98; Verslag der Handelingen van de Tweede Kamer, 1919, bl. 621—22, rede fen Mr. P. J. Troelstra over een leerstoel voor Friesche taal en.letterkunde te Groningen; Jierforslaggen yn Yn üs eigen Tael; Hoe ik predikant te Sneek werd, Neerbosch, 1913; Heugenis 1919; Op Thabor, Afscheidswoord bij het neerleggen van het predikambt, 1924; Uit ons gemeenteleven, Jaarboekje van de N. H. gemeente te Sneek, 1919—23. MEINT BOTTEMA OP 'e rike tiid, do't Piter Jelles en Lützen Wagenaar de snaren fen it Fryske moed sterk spanden, folgen jierren fen ynsinking. De beide sterke krêften giene om utens. Gjin jonge hannen namen yette it findel oer. En de alde garde liet de moedfearren hingje. As Waling Dykstra 5 Sept. 1894 by it oantinken fen it 50 jierrich bistean fen it Selskip to Ljouwert de feestrede haldt, sjucht syn each gjin ljochtsjende kimen, mar pünheapen, en lit er dizze ünheilsprofesije hearre: Al hwet ienkear wêzen krige, moat ek wer forsinke yn 't neat. Dy stielen wet — ik wit it tige! — wirdt mei gjin krêft en gjin izeren wille keard. Ienkear scil de tiid komme, hwêryn men' seit: „De fryske tael hat er wést. Hjir en dêr yn te efterófhoeke binne er yet flauwe oerbliuwsels fen to finen, mar dêr stelt nimmen bilang yn. As wy acht jowe op alle teikens fen üs tiid, den moatte wy wol ta it bislüt komme: de fryske tael scil de striid om syn bistean op in dür net folhalde kinne. It Hollénsk, lyk as ik niis ek al oanroerd ha, gnibbelt er oan by de tiid lans, jai wirket er op lyk as de wetterslach op in broazelige dyk. Alderhanne krêften fen büten en fen binnen, binne der altyd troch mei dwaende, stadich-oan mar wis — krekt as skou-iis — om üs alde lanssprake to ündermynjen. De tsjerke en de riedseale, it folks-ünderwys en it lézen fen Hollanske boeken en kranten, de poletyk en de hannel, de soldaterij en de rederikerij — en foaral net to forjitten de „sport", dy't wer op 'e nij in skipslading brike wirden oanfierd hat, dy't in sljuchtwei minske net bite kin, dat binne allegearre meiwirkers dy to wei bringe, dat in hopen ljue, ek al binne 't yet goede Friezen, hjar allerhanne onfryske wirden en sprekmenearen hiem meitse, sonder dat se der seis erch yn ha. Seis yn de Fryske skriften fen dizze tiid fynt min faek o! sokke kleare bliken, dat de skriuwers al tofolle libje onder de ynwirking fen 't Hollansk. By dat alles komt yette, dat ,in tige great oantal Friezen hjar opsetlik der op ütlizze om onfrysk to wêzen yn dwaen en praten beide. Nou, al dy dingen mei elkoar binne safolle faeije teikens dy't üs sizze: De fryske tael het de tarring. Gjin wird fen leauwe oan in werberte wirdt fornommen. De deabidders kinne hjar rémeitsje en hjar dröve omgong dwaen troch de strjitten. As Marcus Miedema it oare jiers (1895) it 50 jierrich bistean fen 'e Bijekoer hildiget, sjongt er wémoedich: Sa scoest de Friezen den wer oan it lézen krije, De ljeafde for hjar tael, hjar aerd en fryske sin Scoe klieuwe mei 'er tiid, op bou en klaei en greide; Mar 't wie heatêrskjen, frjeon! de kerl is bare tin. Dat hest for dyn geskrip, for tael en fryske seden; Dou wirdste ald en griis, en ontank is dyn lean, Dou lijst mei oan forfal fen krêften, en ik twyflje O, alde trouwe frjeon, faek oan dyn foartbistean. Foar en alear lykwols de 19de ieu syn omswaei makke hie, waerden al nije bloeisels sjoen. Yn 1897 kaem in bondeltsje dichten üt fen dr. J. B. Schepers, dy't him iepenbiere as Frysk natuerdichter. Hy sjongt fen 'e moaije stimming, dy't rêst oer 'e bügende, lang-gêrzige mieden, oer 'e dreamende, amper amjende marren, hwer stille blidens toevet en ynlike rêst. „En de sinne komt op mei klearens en mannige kleuren, as de fearren fen in swel sa sêft, en riist, det de lannen laitsje, en syn fjüren branne de geweldige dei ta ien greate ljochtens en twinge de krêften hjar to üntjaen, oant yn 'e jountiid de dei net mear dürret en de nacht oansiicht, dy is lyk in dea fol dreamen; wiles wikselje de marren en lof ten en mieden yn stimming tüzenfald, en elk skoft is oars as hwet forteach, en dochs binne de üren as blommen yn in krSnse fen roazewyt. mei eltsoar foarmjend in gehiel fen fornoegjende, mar mear as ierdske wijing .... Dêr allegearre fen en yette fen folie mear bisiikje de dichten fen dr. Schepers, dy't him helt as in diel fen hiel de Natuer, to njuentsjen yn ienlüdige meldijen, sünder in falske hÜnkerglSns fen Qngeve wirden. Yn 1900 bigoun dr. O. Postma to Grins de suvere, dimmene fersen to jaen, dy't sjonge fen 'e tiden. do t er as bern libbe en winske tichte by Fryslan syn goud'ne hoepe, en dy't droegen troch in greate gemoedsrêst yn inkelde etskrassen dochs sa wünder treffe, lyk as De boerinne fen Surch: De frou stiet op it boerehiem Stil by de büthüsdoar, Yn sneinse swarte boerinneklean Mei in bünfe skeldoek foar. Hjar earizer blinkt yn 'e: sinne fier Hwent it hiem leit heech en frij; En beammen waechse net to Surch: De sé is tichtebij. 't Is sneintomiddei, de bern binn' foart En kuijerje oan 'e sédyk, De boer leit efkes op it ear: For de frou allinne is it ryk. Dêr stiet hja nou stil op it keale hiem By in stokroas en goudtsjeblom, Dy hjar bern yn in tüntsje noch opbrocht ha, Mar dy haww' it ek al net rom. O dat hearlike appelhóf Alear by hjar alders' hüs, Mei dy moaije hege abeeljenbeam En blommen by de rüs. Hja is nou hast al in ald wiif, En hat al greate bern, Mar den wirdt hjar it moed dochs fol: Hja mei dy lansdou hjir net sjen! „Dat jy der noch om skrieme khin' — Dat is dochs de moeite net wirch, Jy sa'n flink en warber boerewiif, Myn ljeave boerinne fen Surch." Do brocht Simke Kloosterman in gouden winst oan üs skriftekennisse mei hjar novellen yn 'e Swanneblommen: Ruth (1904), Heiteljeafde (1905), By de Fjouwersprong (1907). Ek yn hjar waerd iepenbier de treftige ütbyldster fen 'e Fryske natuer yn 'e rêst fen hjar wetterlan, de iensumens fen hjar heiden, de majesteit fen in sinne-opgong, en ek fen hjar minsken, dy't jown waerden as natuerwêzens mei faek hirde konflikten en demonyske krêften. Yn dyselde tiid foei in oar talint, ien fen 'e béste en fruchtberste novellisten, dy't Fryslén ea hawn hat, n.1. Reinder Brolsma, dy't folie wei hat fen Dostojewsky, altiten siikjende en sjende de ynderlike minske. Hy is de byldhouwer fen it Fryske minskebyld yn syn wünderlik forskaet en den net lyk as by Marcellus Emants as produkt fen stüdzje, mar as in geastlik klearsjên. By him is de skerpe karaktertekening, dy't de minsken fen it Fryske lan for- skine lit mei hjar noeden en soargen, hjar lytse nuverheden en fromme goedens, lyk as hja wezentlik libje. Brolsma syn novellen hearre dürjende it bigjin fen 'e 20ste ieu ta it weardichste en suverste proaze yn üs skriftekennisse. Yn Sljucht en Rjucht fen 1903, stiene fen syn earste wirk: Sinnestrielen, bl. 209; Ringriden, 1904, bl. 408; In oannomd bern. 1908, bl. 565. Net to miskennen is it wirk fen Jan Jelles Hof, dy't yn 1902 forboun waerd oan Hepkema's krante. it Nieuwsblad van Friesland (oprjuchte 1873). De ütjower hie it geheim forstien om syn blêd deryn to krijen troch elk nümer for 'e minsken as in nochlik lêzboek to meitsjen fol forhaeltsjes üt it deistich libben, en net it minst troch syn Eenvoudige memories uit eigen gewest (1894). Hof makke it blêd yette Frysker as it wier troch syn Frysk wirk, opstellen oer 'e Fryske taelstrild, fersen en proaze (Yn it Krystnümer fen 1903 stiet b.g. syn fers It Krystberntsje en syn mem). Ek waerd Jan. 1904 in rymwedstriid oer Fryslan's goaën. gritenijen, stêdden, doarpen en gehuchten ütskreaun, dêr't hünderten antwirden op kamen, dy't fortsjinje op 'e nij printe to wirden yn in samling mei printsjes derby. Ek waerd ünder syn lieding. mei Andle Schaap en Bontje Hornstra, beide to Roardhuzum, it boun Jong Fryslan (as ünderdiel fen it Selskip for Fr. tael- en skriftekennisse) oprjuchte, dat wirke mei struibledtsjes, tytle De Ploege. en hingelkaerten (1905). Yn datselde jier skreau it Selskip in priisfraech üt for it gearstallen fen in Frysk lêzboek, dêr't njoggen antwirden op ynkamen en trije fen bikroane waerden, n.1. fen P. Sipma to Grins, E. Zwart to Warten en J. J. Hof op 't Fean. Yn 1906 gie in forsiikskrift oan H.H. Deputearre Steaten oangeande skoalleünderwys yn Frysk. Yn 1907 folge in oprop fen P. de Clercq to Feanwêlden oan 'e Noardfriezen ta it foartsterkjen fen hjar goasprake, en it bisiik fen Sipma yn 'e simmer fen 1908 oan Sylt, Amrum en Föhr om op 'e hichte to kommen fen 'e taeltastanpen yn dy kontreijen. Sipma die op 'e algemiene gearkomste fen 1912 in ütstel om in kommisje to bineamen dy't to ündersiikjen hie, hwet dien wirde koe om better as oant nou ta üthering to jaen oan 'e trêdde kêst fen it karbrief en den nije wegen yn to slaen. Hy die as learaer yn Nederlansk oan 'e H.B.S. en it gymnasium to Snits ek danich war om by syn learlingen ljeafde for it Frysk oan to wakkerjen. As sadanich struide hy sieden üt, dy't mei gauwens opkomme scoene yn 'e Jongfryske biweging. Yn 1913 forriisde yn Forjit my net, bl. 30—32, de sjongster Rixt. dy't mei sterke technyk hjar ljeafdelyryk geat yn fersen fen 'e suverste kinst en ljeahikste swietlüdigens, sims de lüden opdriuwend yn brokkige hirdens, den wer delflijend yn sêftens en oanfalligens. Sa'n tweintich fersen skreau hja yn it gehiel, en it is twivelich, eft hja wol ea wer sjonge scü. Mar alle tweintich scille hja altiten hearre ta it klassike diel fen üs skriftekennisse, en meitsje det de namme fen Rixt nea mear forgetten wirdt. Hjir binne dy breed weagjende strofen fen Oan him: Dou bist for my yn 't rüzjen fen 'e winen en yn 'e iiv'ge sangen fen 'e sé; dou bist' for my hwer't oargeltoanen sjonge in liet fen wijinge, in liet fen fré. En hjir is hjar hertstochtlik Langstme: O myn herte slacht sa wyld foar myn eagen ha 'k dyn byld alles lukt my nei dy ta, 'k moat dy yn myn earmen ha. Mei it ütbrekken fen 'e greate Jeropeeske kriich sloech de stoarm fen 'e tiid bloedich troch de Friez'ne herten, sadet de nasjonale heling for heitelan en heitelanske saken, dy't bidrige waerden, fülbandich oanboaze. Nije persoanlike dichters lyk as Rinke Tolman, B. R. Pollema to Huzum (skülnammen Hylke Sjonger en Bokke Simens) en Rintsje Sybesma joegen mei hjar fersen yn Sljucht en Rjucht bliken det hja alles forspijden hwet it merkteiken droech fen sleur en folgjen-üt-alderwenst. Douwe Kalma to Raerd, dy't Desimber 1914 yn 'e* Ljouwter krante in rubryk iepene Fen Fryslans fjilden en dizze dichters bioardiele, frege: „Hwerom slute sokke jonge skriuwers, dy't dochs seis wol fiele moatte, det hja ta eat yn steat binne, hjar net mear by inoar oan? Men wit dochs, ho wier it is, det fen in fjouwertal mei eltsoar bikende en ienriedige skriuwers mear krêft ütgean kin as honear hja, elts op himsels, by tsjinslaggen net fen in frjeon oanmoedige, by lokken en meirinnen net fen eltsoar op brekken wiisd, bisiikje ta hjar wyt to kommen. Ik noegje dêrom yetris mei de measte klam de jonge skriuwers, dy't fiele, dat in nije biweging yn üs tael heech nedich is, üt, my adres en fierdere bysünderheden meidiele to wollen; ik scil den war dwaen dize oansluting ta stan to bringen. Hjir stean wy by de earste oarsprongen fen 'e Jongfryske Mienskip, dy't sa'n swiid fruchtdragend libben oer Fryslan brocht hat. En wer is it lyk as yn 1844 de idealistyske jongerein, dy't in krityske halding oannimt, en krêft siket yn frjeonskip lyk as Tiede Dykstra. Harmen Sytstra, W. Dykstra en T. G. v. d. Meulen. Swier foelen de slaggen, dy't it earste striidskrift fen dizze jongerein joech yn Kalma's De Jongfryske Biweging. dy't Oktober 1915 foar it ljocht kaem. Ut alles foei to merkbiten, det der fjür baernde for it heitelan, dat him uterje moast yn dielnimming oan 'e Fryske striid. It wier yn 'e simmer fen 1915 det Kalma in brief krige fen in soldaet üt Braban ünder 'e skülnamme Marten Baersma. mei in skets yn proaze en de frage eft er der syn bitinken oer jaen woe. De kritiken yn 'e Ljouwter krante oer 'e Fryske skriftekennisse hiene syn ynstimming. Dizze soldaet wier Meint Bottema üt Eastermar. berne 1890. As jonge al libbe yn him de driuw ta ienlikheid en ynkear yn stiltme. it bilibjen fen de dingen lans de wei fen syn helen, de langst nei stil en krekt en fordildich wirk. Oangean en malfarre die er net bjuster. Hy wier in goede, sêfte boarter, dy't mei syn maten mear lange nei it frije geswalk troch greide en ünlan as nei strjitte-ütlittendheid en kweajongesgedoch. Hy hie it lok alden en masters to hawwen, dy't earbiedenis hiene for it teare, oanhinklik aerd fen it bern. Ier libbe yn him de driuw üt to byldzjen hwet er seach, to prakkesearjen oer foarming en bou fen minskene skeppings, seis mei de suverste krektens to meitsjen hwet syn opmerksumens loek. ynberne groun for syn kinstnerskip. Ienris. sünder det ien him holpen hie. makke er de foarm fen in skip. ütrist mei tüch en tou en alles, en do t in ald skipper ta hjarres kaem en seach hwet de jonge makke, foun er neat dat üntbriek noch neat to foroarjen. Bakkerij noch boerkerij. de bidriuwen fen syn heit. it lést meast oanhelle mei it each op syn soan. dy't öfkearich wier fen de droktme fen de doarpswinkel. loeken him oan. Süntdet er as jonge nifelje koe mei hammer en spikers wier der mar ien forlangst yn him: to timmerjen. hüzen to meitsjen. letter ütdijd ta in greate forearing fen de ropping dy't de architektuer hat, dêr't Berlage seis him ta'n master en foarbyld yn waerd. In pear wintertiden reizge er troch de bleke moarn en de rüzige joun de ienlike wegen lans fen Eastermar nei Ljouwert en learde it timmerfak, earst as feint, do as opsichter, dêrnei as boukindich teikener to Ljouwert. As jonge mocht er ek graech allinne sitte to skriuwen yn it Frysk. Hy haldde der sa'n soarte deiboek op nei, dêr't er syn tinken yn opskreau. Dat die er net for in oar, mar for himsels. Hy moast biskriuwe hwet er seach en tocht, sa't it herte him opjoech, en letter wier er dêr bliid mei. Hy wier hak by de ljue yn it fjild en as er den in Fryske boerepleats seach stil en steadik mei swiere beammerigen derom hinne, mei dêrnêst in grêft, dy't troch it griene tón en beamwallen nei de opfeart roun, den krige er in stimming, dy't him stilmakke, en as er it den net ütsizze koe, den bisocht er it thüs op pompier to setten. Sa hat er in great tweintich skriuwboeken fol skreaun mei dy ljochte ienfald, dy't oer syn hiele wêzen laei. It waerd 1914, de léste fen Haeimoanne. De klokken letten yn üs Fryske geaën en hteren hjar kleijend bimbam mei triljend lüd de fjilden oer, dêr't hja as eange needroppen hein en her ütstoaren. Dy klokketoanen griepen de minsken yn it moed, hwent it wier nou oars as oars, al amme ek alles rêst en frede yn 'e natuer. It let die sear en makke de herten ünklear, om't er klachten en fragen üt tynden for it ünwisse fen 'e takomst. It wier mobilisaesje. Sünder ütstel moasten de soannen fen it Fryske folts opkomme. MEINT BOTTEMA Meint moast ek de nolke bannen losmeitsje, dy't him oan it alderhüs bounen do't de wylde kriichsgloed ütsloech oer Jerope en it waerme broerrebloed de groun rea kleure. Earst gie it nei Amersfoart. Gewoane treinen rieden hast net mear. Alles fen 't spoar wier yn tsjinst fen de soldaterij. Nacht en dei waerd der skript om genóch mesines en weinen yn -foarrie to krijen. for it gefal det de troepen nei de grinzen moasten. In deimannich letter kaem dat sa. Op in stille, reinige joun tsjin midnacht gie in trein mei hjarren it Suden yn. hwerhinne wist nimmen. Büten de finiters wier de stille, skimerige nacht; in hau ljocht laei oer de fjilden. It gie oer de lege lannen oan de greate rivieren, mei brede seamen wylgen boskjes en ünlan, mei lange rigen popelieren by de pündiken lans. Yn 'e iere moarn kamen hja yn Tilboarch. Alles wier der frjemd, mar neat is sa frjemd, ef it went op-in-dür. it soldatelibben ek. De neisimmer gie linkenoan fierder. De dagen wierne moai. en Meint swalke yn 'e frije tiid in bulte om büten 'e stêd oer heiden en troch bosken, hwent it wier moai yn Braban, as de sinne glanzen spraet oer de rypwirden simmermoaite en in greate rêst is op 'e brune heide en yn 'e stille, ienlike spjirrebosken. Hy kaem ek oan 'e grins. Dêr laei it Belgenlan en hiel üt 'e herte. swier en djip wier it rommeljen as in here tonger. En letter waerd dat lüd fen 'e kenünen in lüd fen alle dagen. Mids dat fiokbidriuw fen minskeslachtsjen wier Meint ordonnans oan de stêf fen Ginnerael Weber. dêr stie er heech oanskrèaun. Wol men in sketske fen him ha üt dy tiid? 't Is Sneintomoarn, mar ik ha tsjinst; hjir oan 'e staf binne de Sneinen allyk oan alle dagen. Hwa't net mei forlof is, hat tsjinst en kin net dwaen hwet er wol; wy witte, det it Snein is, mar it libben is net folie oars as yn 'e wike De keamers, dêr't de ofsieren sitte to wirkjen, binne as alle dagen fol en rommelich fen tafels en stoellen; alles leit fol pompier, neat is opredden, de triedden fen tillefoannen en bellen en elektrysk ljocht, dat allegearre yn e flecht oanlein is, sitte oeral oan fêst en binne gewoan dwers troch de keamers spand, oer de lampen hingje reade büsdoeken en de mfirren binne hast alhiel biplakt mei tsjinstregelingen fen spoar en tram, mei „proclamatiën en oarlochskaerten, dêr't de fronten op oanjown binne troch in read ein koarde, dat fêststitsen is mei spjeldeflachjes, elk lan hat syn eigen kleuren. De keamers binne sa rommelich en üngesellich en hawwe neat fen e huslikens en smukens, dy't Sneins thüs by heit en mem is. Ik tochte oan hüs en oan 'e waerme kachelkeamer, dêr't ik hjoed in wike my sa noflik f.elde; - o ja, it forlof is sa moai en f'ral yn dizze tsjustere dagen kin ik net buten dy pear dagen, dy't ik om 'e trije, fjouwer wiken thüs bin; de natuer jowt gjin waerme moaijens mear — by 't simmer makke ik myn dagen moai, as 'k nei tsjinst rounswalke büten de stêd oer wide heidefjilden ef troch donkere spjirrebosken, dêr't 'k faek op it moas lein ha to sjen nei de goudene sinnestreken, dy't troch de stamkes glieden en nei de blauwe loft en de wite wolkens, dy't heech en stil it blau trochfoeren nei de fierte. Nou moat it geniet binnen doar socht wirde en dêrfor is sa'n bytsje gelegenheid; de plakken, dy't dêrfor ornearre binne, hawwe itselde stive en stramme en kalde as de tsjinst seis; en dêrom rinne jouns en Sneins de soldaten yn 'e stêd om as ünwennige bern, dy't in set by heit en mem weibinne. De bioskopen en herbergen sitte altyd fol den, de tiid moat dochs to'n ein, en de measten hawwe gjin moed ef gedild om to learen ef to lézen, plak dêrfor is dér hast net en om 'e wike-ef-hwet moatte hja forhüzje. — Ja, hjoed in wike wier 'k thüs. Do 'k de Snjeontojouns fen 'e tram nei hüs gong, wier it al tsjuster; in skiere swartens hong oer de mieden en üt 'e fierte kaem it ienlüdich brüzjen en weagjen fen 'e mar troch de reiden by de kant lans. Boppe troch de loft rüzde it stadich en swier, as hearde ik de wolkens farren; de wylgewallen by de dyk lans liken twa tsjustere hagen, dêr't de wyn troch huvere. Ik mette net ien op 'e ienlike dyk en stapte hird op om thüs to kommen, 'k Seach de ljochtsjes fen 'e skippen en de lantearne op 'e brêge al troch it tsjuster kniperjen en de lüden fen it büterfabryk waerden ho langer ho düdliker. Ik hearde de waeipomp kreakjen en oan 't roppen fen 'e mölkriders koe 'k hearre, hwa't oan it leegjen wiemen. Ik seach de ljochte finsters fen it fabryk, de brêge oer 't kanael en de stoamboat, dy't heal forljochte fen de brêgelantearne oan 't stalt laei. Ho thüs wier 'k al, do't ik oer 'e brêge stapte, de bürren yn en do't it hikje pipe, die mem de foardoar iepen, ik seach hjar blide eagen en heit stie efter hjar yn 'e gong. — Dach jonge, bist wer thüs? dach jonge, bist goed yn oarder? Hwet wierne wy bliid, alle trije; earst mar gau hwet kofje, den kinst daelk wol ite, 't stiet op bêd," sei Mem. Wy sieten mei üs trijen om 'e kofjetafel, heit foar 'e kachel mei de foetten op 'e plaetstove, mei de iene han haldde hy de lange piip fêst, de oare earmtakke op 'e tafel. Mem siet foar my oer oan 'e oare kant; hja siet mei de hannen yn 'e skirte en hong hwet foaroer om ünder de lampe troch nei myn müle to sjên, dy't safolle fragen bianderje moast. Heit sette in pear talhoutsjes by 't fjür en dy knapten sa froalik, it wetter yn 't kacheltsjetteltsje song syn ientoanich ljuentsjend liet yn wazem ta de tute üt en it standerklokje op 'e skoarstienmantel tikke sêft en rêstich de moaije tiid foart. It ljocht fen 'e lampe glom op memme earizer en yn 'e roune koperen kwispeldoar en skynde op 'e glêdde ferve fen bedskod en blinen en op it donkere, waerme ikenhout fen 't kammenet.Nou't de blinen ticht wierne, stienen de blommen in ein efterüt op hjar standerkes en dêrboppe hipte de giele kanarje yn syn kouwe om. O ja, ik wier thüs, feilich en rêstich by heit en mem, ik seach hjarren oan en nei de dingen om my hinne en fielde my tofreden en tankber. Do bigoun mem mei 't iten to skreppen, hja dribbele hinne-en-wer om alles , yn oarder to bringen en paste ünder 't iten hast op my as in lyts bern, ik wier hjar bern en fielde dat, ik fielde in bytsje derfen miskien, hwet rykdom it is, in Aldershüs to hawwen, dêr't mei ljeafde en langstme oan yen tocht wirdt, as men fier fen hüs js. Sa wikselen ljocht en skaed inoarren öf. Ljocht waerd ünder tsjinst socht troch üntspanning. lyk as sport en oare goede dingen, dêr't fordivendaesje yn sit. It keatsen, it alde Fryske foltsspil, die opjild. Boeken, tiidskriften en kranten, fen hüs ef troch komitees tastjürd dienen hjar part, wylst ek it forieningslibben bloeide. Skaed kaem der troch it nuvere omhingjende libben, dêr't güdden tomin fearkrêft bisieten, dy't nou tajoegen oan forkearde machten, lyk as de drankdémon. Meint seach ho dy lokjende divels yn alderlei foarmen op 'e loer leinen om mannich krêftich libben to bihemjen, en nou rekke er yn it spier om de mobilisaesjeklubs to stypjen, de drankfrijens to bifoarderjen en de minskewearde to kweken troch in ban fen plichtnoedzjende organisaesje. Hy is de Reinder Bouwinga üt Sjouke de Zee syn Printsjes üt it Soldatelibben, (1916) dy't for de kammeraten krewearre om de falske twangmachten sa folie mülk üt to bannen. En op alle fiif jounen, det de Zee yn 1914—15 yn Tilboarch for 'e soldaten spriek, wier Meint syn help en stipe, krekt as yn Den Bosch, dêr't er yn 'e winter fen 1916 twa jounen spriek. Stadichoan wreide de stream fen syn kleare Fryske jonkheid hjar üt lans in forskaet fen wegen, oant hja hjar foriene mei de striid fen de Jong-Friezen. Yn de ienlikheid fen syn Brabünsk tsjiastlibben folge er de Üntjowing fen 'e Fryske striid, dêr't in nij tiidrek fen ynlet waerd. Yn de aldere skriftekennisse en it kritelibben fen it ald Selskip foun er net de bisieling en de skeppende ljeafde, dy't er nedich wist for de forheging fen Fryslan. De forheftige en Öfbrekkende skögings fen Kalma yn 'e Ljouwerter krante makke er sünder foarbihald ta sines. It koe net oars eft yn dy earste stoarm- en driuwtiid fen it nije wier de hertstocht oan it wird. Mar hy dy't formulearre en nei büten-üt as de driuwkrêft fen alles forskynde, die yndied neat oars as ütsprekke, gearfetsje en fordigenje hwet it herte fen allegearre forwege. Hja skrillen op stik fen saken ek net tobek fen in eigen organisaesje. De 20e Nov. 1915 waerd de Jongfryske Mienskip stifte, nei oprop en ütstel fen Kalma, dy't fparsitter waerd en Meint Bottema, B. R. Pollema. E. R. Regenbogen, jiffer K. Sipma, P. Sipma en R. P. Sybesma as meioprjuchters. Yn 1916 kamen dêr yette by: E. B. Folkertsma, G. Zeldenrust, S. D. de Jong, I. Schaafsma, M. S. E. Visser, Th. de Vries, A. M. Wybenga, R. Brolsma, jiffer S. Kloosterman, J. D. v. d. Mei, Rinke Tolman, G. R. Veendorp, Adzer de Vries, Sjouke de Zee, J. P. Wiersma. De 4e Desimber forskynde Bottema's foarste skets yn 'e Ljouwter krante en yn Sljucht en Rjucht. Dêrmei stie er alhiel yn 'e Jongfryske rige en bigoun er for Fryslén to libjen. Do't er yn it oanbigjin fen 1916 Kalma's opstellen „De Zaak van Friesland" yn it deiblêd De Telegraef (16 en 29 Jan. en 15 Febr.) lies, en yn April syn brosjure Fryslan en de Wrald, krige dat for him „de wearde fen in evangeelje." Wylst er yn Dongen tsjinst hie, koe er sims hiele dagen allinne buten wêze yn bosken en heide. Den hoechde er mar pinne en pompier to krijen om syn tinzen en dreamen del DOUWE KALMA to skriuwen. Dêrre fier fen it heitelan skreau er syn novelle De Jonge fen 'e Marsheide. yn Maeije 1916 hie er dy klear en forskynde as nümer fjouwer fen 'e Pompeblêdrige datselde jiers. Syn kinstnerskip riisde dêryn her boppe it deistige üt. As men de trije npvellen, dy't yn 1916 foar it ljocht kamen: De Greate Striid fen J. Hof yn Fryslén, Wündere Wytske fen Kalma yn Sljucht en Rjucht, en dy fen Marten Baersma forliket, den spant de léste sünder mis de kroane. Wy sizze it de kritikus nei: „Hwet treflik is, dat is de kosdike en wiere harmonije twisken de natuer en de minsken, dy't yn hjar formidden tahélde; dat is de moaije, frije en keine omgong twisken feint en faem, hwer hiel it jonge Fryslén in foarbyld oan nimme mei. Hwet goed is, det is de suvere en mylde natuerbiskriuwing. lyk as it lyrysk stikje op side 22 en 23: De hjerst kaem. It brün en giel fen de poellen wier griis wirden, it beamte keal; stadich-oan hie de natür syn folie griene weelde forlern. De stille kleare hjerstdagen, hwennear de loft sa heech en djip böget boppe de ierde en alles stil leit to drögjen yn it reade hjerstljocht, hwennear de beamwèllen in forskaet fen teare rike kleuren ha, det yen tinken docht oan in moaije dea, — ek dy dagen wierne foarby en do't de earste noardwester oer de lannen gülde, stouden de blêdden fen de beammen as kjelle fügels. As it safier is, as de earste stoarmnacht foarby is, den giet it hird mei it moaije büten, al stoarmet it net, al komme der stille tsjustere dagen fen mist en wietens, de hjerst easket alles op, — stadich drippe en dwirrelje den de brune en giele blêdden del yn 'e modder. De hjerst kin ek moai wêze, net allinne op dy lette simmerdagen yn Septimber, mar ek, hwennear in stive wyn oer de lannen strüst en de Mar mei wite koppen rólet, hwennear de loft fol is fen swiere lüden, lüden dy't wytgje fen rouwe natürkrêft. Hwa't den yn it boat sit oan 't roer en de wyn waeije lit troch syn hierren, dy scil hwennear er moed hat, him sterker fiele. Gjin glanzgjende fierten, hwer fügelsang en blomme-rook boppe de bÜnte fjilden hingje, jowe den in ünthjit op it kommende libben, mar de rouwe wyn dy't oanstrüst en yen de amme hast binimt, dy ropt de krêften op dy't noen dodzje en fen gjin fügelsangen to wekker roppen wirde. Hwa't it libben liket as eat det for him neat mear to bringen hat, dy moat gean nei de Mar, as de wyn troch de touwen floitet en de blokken tsjin de mist klappe; dy moat nei de Mar gean, as de weagen al mar troch rólje en kffclje tsjin de kant oan hwer't it brüs leit to triljen; lit him den hearre nei de greate akkoarden dêr't de loft fen triller, det is de krêft, stoere stive krêft en hwa't dy krêft as wjerklank fielt yn syn hert, dy scil it libben, hwerfen er miende det it neat bringt as leed en lijen, op nij oannimme sa as it him jown wirdt om to libjen, en hy scil syn bést dwaen om der hwet goeds fen to meitsjen. Syn twadde novelle felmers jonge libben is ek rékommen, wylst er by it fjildleger yn Braban wier. 2 Des. 1916 laei er dêr de léste hén oan. De oare deis gie er mei great forlof nei Eastermar. Ik kin net neilitte it bigjin fen dizze moaije skets üt it Fryske boerelibben öf to skriuwen. Great en steatlik as in hearsker stie de pleats twisken de rigen ikebeammen; de beammen hienen al griene sprütsjes en üt de fierte like it krekt, as laei der in hiel tear, grien gaes oer en om de tüken en twiichjes. De beammen wiemen al ald, krekt as de pleats; in inkelde hong hwet üt. de rige en liet by 't hjerst syn blêdden hegerop op it tek falie — mar it wierne iken, dreech en stoer en knoestich. De pleats en de ikebeammen joegen beide deselde yndruk fen aldens en dreechwêzen. Greate spegelruten blonken net yn 'e mürren, de finsters wierne net gapsk en forheard; deftich seagen de wytferve ramten oer de foarhüs-stikken en efter dy ramten hongen djüre gerdinen; sünder de boer en boerinne to kennen, seach men dalik, det der foarname ljue wennen. Foar hüs üt roun it jongfé yn it h\n; in pear dagen lyn wierne hja ütlitten. De Maitiid wier kommen; üt 'e klearblauwe loft skynde de sinne myld del op ierde en sette nou de pleats en de lannen yn dat hearlike ljocht, det alle jierren weroan in blidens jowt oan de minsken. Binammen de greate Waldpleatsen yn it ienlike fjild, en de lytse arbeiderswentsjes, dy't steane oan oergroeide boskweikes, fen dy lytse platte hüskes, dy't mei al hjar brikens en grienens hast in diel binnne fen 'e natuer dêromhinne, en yn hjar poëzije in tankbre stoffe joegen for de teikenpinne fen Ids Wiersma en J. Planting (sjuch It Heitelan), hienen syn ljeafde. Fen it Fryske hüs yn forban mei it Fryske lanskip en de Fryske kultuer makke hy in yngeande stüdzje for in brosjure, om ek dêrmei it Jongfryske stribjen to tsjinjen. Yn 1917 siet er fol plannen. Hy studearre wakker yn W. Dykstra's Van Friesland's volksleven, en yn him kaem in langst om somlike fen de Side teltsjes yn dat boek for it Frysk to biarbeidzjen. Sipma, dy't yn dy dagen for de jongerein in riedsman wier, dêr't mannichien syn Frysk wirk oan bitroude, hie op dy skatkeamer fen Fryske foltskinde syn oandacht fêstige. Datselde jiers skreau er ek syn novelle De Jongste. Dêr treffe yen ek wer dyselde ljeafdefolle biskriuwings fen it Fryske hüs: Tichte by de brêge stiet in breed alderwetsk keapmanshüs; it is fornaem boud, oan de strjitte binne twa keamers nést elkoar mei in gong dér twisken. • Om by de foardoar to kommen, moat men by in stoepe op en de doar seis is in masterstik fen alde timmerkinst. De foarmürre stiet net tsjin de strjitte oan, der is in smel streekje groun bitwisken, dêr't sniewite minders lizze; swiere sarkstiennen peallen mei glêdde swarte' koppen en swartferve kjetlings dy't yn in bocht twisken de peallen hingje, skiede de strjitte fen de nünders. Freget men hwa op syn skriuwen ynhoed hawn hawwe. den moatte fjouwer nammen neamd wirde, n.1. Frenssen mei syn Jorn Uhl. Kalma. Brolsma en Simke Kloosterman. En de Jongfryske Mienskip wier it formidden, dêr't oanflterjende krêft en ljochte gloede him üt tomiette sloech ta nije ütsichten. As der ea ljeafde ta it mienskiplike Fryslén krêft hawn hat minsken fen ütienrinnend bigjinsel ta in ienheid to bringen, den wier it yn dat selskip, dêr't hja hjar yn iepenbiere mei al de drystens, hertstocht en oermoed fen in oertsjüge jonkheid. It wier do yette in tiid, det hja de meast ünderskate streamings yn hjar opnaem. De AldKalvinist Michiel Sjoerd Visser üt Hilaerd hie dêr sit neist de Jong-Soasialist Jan van der Mei üt Pitersbjirrum, de Jong-Kalvinist Eeltsje Folkertsma neist de Frysk-Soasialist Sjouke de Zee en yn it formidden troanen Sipma, dy't taktysk en Kalma, dy't geastlik mei al hjar krêft bisochten dy ienheid to bistevigjen. De saek fen it nasjonalisme kaem sterk to stean yn Fryslén. De greate striid like neioan. Mienskip en Kristlik Selskip fordigenen reslüt de Frysknasjonale tins, en op plakken dêr't men oars de sliep fen 'e rjuchtfeardige sliepte, fornaem men ünrest. Mar de striidienheid bliek net djippernöch to wêzen om taktysk en persoanlik skeel to hirdzjen. In forskil yn tendenz kaem njunkelytsen nei foaren, dat op spjalting ütrinne moast. Dêr wier gjin ienriedigens yn de hélding foar it Selskip fen '44 oer. De élderen woene frede, Kalma woe öfbrekke, Folkertsma woe iepenlik striid. Skeel üntstie oer it al ef net meidwaen fen de Mienskip oan in forbining twisken de ünderskate Fryske selskippen, dêr't Sipma for ivere en Folkertsma forheftich tsjin wier. Skelen fen taktyk mongen hjar mank skelen fen bigjinsel. En as men nou freget: hwer stie Meint Bottema. den is it andert net sa maklik to jaen. Net in publikaesje inkel fep brieven oan Kalma, mar oan al syn frjeonen scoe men dêrta ünder 'e eagen hawwe moatte. Yn dy brieven n.1. koe er him better uterje oer de dingen, dy't syn ljeafde hiene. as yn it petear. Hy skreau folie en lang. En elts dy't sa'n brief krige, hie in skoft fen frede en moaijens, ho rüzich de dagen, ho wyld de striid sims ek wier. In folsleine briefsamling fen dizze suvere minske is in eareskild, dy't yet op 'e Jongfriezen leit. Mar nou kin wol sein wirde, det Marten Baersma gjin extremist wier. Hy foarmein fdrbining'twisken de tsjinstridige eleminten. Harmonysk-synthetysk stie er yn twisken de foaroanmannen. It ynlüken fen 'e alde bigjinselbrieven en it opmeitsjen fen de nije, it trochfleren fen 'e reorganisaesje, de skieding twisken arbeidzjende en stypjende leden (1 April 1918) hat er yette bilibbe, mar net de spjalting fen 21 April 1919, do't de mearheid wegere Sipma's lieding to bitrouwen, en net it ynslaen fen it paed nei it soasialisme. Hy skreau yn Juli 1918 syn Oproerige Krabbels yn 'e Snitser krante. Ek waerd er meiwirker fen Sljucht en Rjucht. Twaris kaem syn namme oan 'e kop fen it blêd to stean (9 en 16 Nov. 1918), en ünder 'e skülnamme fen Anke Jongema joech er syn moaije skets Moannenacht, mar do waerd de dreameglans fen syn eagen fortsjustere. De Spaenske gryp, dy't tüzenen jonge libbens öfsnie, glüpte forriederlik ek by him yn, en syn hert fol suverens en ljeafde sloech net mear. Do't syn maten it swart-omranne deabrief krigen, stienen hja forbüke, hwent fen hjar wier fortein in frjeon, in blij-earnstich strider, in trou soan fen Fryslan, dy't syn ideael heech sette en in ünforwrigge leauwe hie yn 'e takomst fen it heitelan. De 18e Novimber is er to Eastermar, it doarpke, dêr't er opgroeide en skattèn forgarre, biïerdge. In greate rige fen sibben en frjeonen Bodders yn 'e Fryske Striid 44 Tinkstien op it grêf fen Meint Bottema. folge de deadebier. By de alde stins-toer, alhiel yn it klimmerblêd, kaem it stofiik omsköt to resten. De le Maert 1919 forskynde Onder Sipma syn lieding I it earste nümer fen it Al¬ gemien frysk Wykbled It Heitelan, hwaens ütjefte er mei blydskip tomiette seach, mei syn portret yn rouran en in stikje fen hne waernimming Ut myn Sketsboek. De 31e juli 1919 hawwe syn frjeonen it grêf mei hjar ljeafde ditsen. Der kaem op to stean in stien fen Sweedsk granyt, in rSnne fen palmgrien dêromhinne en tsjin de massive grizens fen 'e stien hwet reade geraniums. In moai, myld plakje! Sünt waerd de üntjowing fen 'e Jongfryske biweging stiller, bisonkener, fr>rmni>rlsn«>ni'endpr. Dat It tsjerkhöf to Eastermar. _ _ wier yn Meint syn geast. Hy hat syn suver moed ütspritsen yn suvere wirden, en syn wirk wier „tear en dreamend as in mar yn de iere hjerst, hwennear de kleuren weak wirde én dêr in wünder lüsterjen rounsüzet." De sêfte krêften hawwe it yn de ein woun, de krêften fen 'e ljeafde, dy't eltse dei nije wünders for hinvhie. „De Jongfryske beding folge er trou, mar in Jongfrysk program bistie for him amper. Hy seach en bigriep it nije libben, om't it nije libben wier yn himsels. Noch neffens syn wird. noch neffens syn wirk laette er; mar syn wêzen seis wier lyk as in iepenbiering fen Fryslén." Yn 'e Mienskip, dy't de wiksel en de striid oerdürre, klearren de forhaldingen op. Hja woun suverder tastannen werom. De kearn fen 1919 naem de lieding. De striidkrêft waerd greater. Hwet hja hjoeddeis docht mei hjar leargongen en kampen, mei hjar stüdzje- klubs en kolportaezjewirk. mei hjar toaniel en Fryske Bibleteek, draecht in gouden takomstfrucht yn 'e skirte. Siuch- D Kalma, De ljochte kimen, samle wirk fen Marten Baersma, 1925; DeseUe,' Fryske skriuwers, yn Frisia, 1920, bl. 132, 171, 261, 324; Deselde, In memóriam M. Bottema, Frisia, 1918, bl. 353-56; Deselde Oantinkens, yn De Niie Mienskip, Desimber, 1925; R. P. Sybesma, ln memonam M Bottema, Frisia 1918 357—61; D. Kalma e.o. For de neitins fen M. B., ibidem, Dl. 362—363- P Sipma By in grêf, ibidem, bl. 364—66; W. Th. Swart, By it forstjerren. fen myn frjeon M. B., ibidem, bl.367; D. Kalma yn Snitser krante Dreamen en Dieden, 19J6, De jonge fen de Marsheide; J P. Wiersma, By it forstjerren fen M. B. yn Slj. en Rj. 1918, bl. 529; Sj. de Zee, Meint Bottema ibidem, bl. 550-52; J. v. d. Tol, It léste wirk fen M. B., ibidem, bl 550, j P. Wiersma, Uit het land vanMarten B., yn Fen Fryske groun 8 Oct 1926, R Tolman, Brieven over Friesch leven, een vraaggesprek met M H. Bottema over de Jongfr. beweging, yn De Hollandsche Lelie, 5 Febr. 1919; Fr Okkinga, De Jongfriesche beweging, 1922; Kronyk Gearkomsten, yn De Niie Mienskip, orgaen fen de Jongfryske Mienskip en it Ynstitut for Fryske Folksüntjowing, 1922-26, no. 3 en 7; D. Kalma, Paedwizer for Fryslans Skiednis en Skriften, 1920, bl. 29-30; Deselde, Mienskip en Fryske striid, 1918- Deselde Fryslan for de Friezen, de bigjinselbneven fen de Mienskip, 1916: Deselde Nije Fryske striid, 1922; Deselde, Oantinken, yn De Nije Mienskip, Desimber, 1925; R. Tolman, Iets over de Jong-Friesche beweging Leven en Werken, Febr. 1918; Deselde, De Jongfr. beweging, yn Vragen v. d. Dae 1918; Deselde, Over Fr. letterkunde, yn Gulden Winckel,1918; J. r. Wiersma, ongfrysk Muzyklibben, yn Frisia, 1918, bl. 256; J. C. Huizinga, Jong-Fryske Lyriek yn De Gids, 1922, III, bl. 206—221. TAHEAKKE OP 'E BLÊDSIDEN 606-13 LIST FEN WIRKERS EN STRIDERS NEI 1900: Andreae (Sybrandus Johannes Fockema), berne to Beetstersweach 4 Juni 1844, stoarn 1921, gie op it gymnasium to Ljouwert, studearre to Leijen sont 1863, en promovearre dêr ta doctor yn 'e rjuchten op in proefskrift Beschou- Pref. S. J. FOCKEMA ANDREAE wingen over burenrecht, 1868, wier kantonrjuchter op 'e Lemmer en waerd yn 1877 heechlearaer yn 'e rjuchten to Leijen, dêr't er syn ampt oanfirdige mei in rede Gronden voor de beoefening van de Germaansche rechtgeschiemei in rede Gronden voor de beoefening van de Germaansche rechtsgeschie5 din. 1888—1914 en Overzicht van Oud-Nederl. rechtsbronnen, 2e dr. 1923, De Fryske rjuchtsboarnen fen Fryslan en Grinslan op bl. 4—26. Wier meiwjrker oan It Heitelan, sjuch 1921, bl. 514 en 562. Asperen (Piet Hein v.) kïnstskilder, berne 8,Febr. 1895, meiwirker oan It Heitelan, 1919. Bajema (J.), to Huzum, journalist fen 'e Leeuw. Courant, dêr't er jierrenlang kritiken op alle Fryske wirk yn skreau. Baukema (Sieger), kinstskilder, berne 2 Apr. 1852, te Aldemardum, direk- teur en learaer oan Kunstoefening to Arnhem, meiwirker oan It Heitelan, sjuch 1922, bl. 171. ,. Beekhuis (Geesje H.), berne to Ljouwert yn 1887, kinstskilderesse. Beer—Dykstra (Janke de), dochter fen Waling Dykstra, meiwirlfSter oan Slj. en Rj. Beintema (Rients), mezyklearaer to Ljouwert, berne 29 Juni 1893 to Frefttsjer, skreau mezyk by de fersen fen S. Koldyk, Jan fen 'e Gaestmar, A. M. Wybenga, J. D. v. d. Mei, J. van Loon en F. Schurer (War Dy, 1925). Beunk (H. J.), muzyklearaer to Swol, forklanke Foarjierssankje fen dr. Schepers en Barsang fen J. H. Riemersma to Gietsjerk, foarsitter fen it Boun Gemengde zangkoren in Friesland, beide yn Bondel fen mingde koarheten, 1926. Boer (R. F. de) to Warkum, biwirker fen Frysk sierstiengüd. Bijl—de Jong (Geertjé), berne op 'e Gerdyk; hja heit wier lange jierren in baes op it toaniel, en hja, de dochter, hat forskate prizen woun mei Frysk foardragen. Hja skreau „Bernesmert" en „Juf". Hja is de earste Fryske frou dy't foar de Radio spritsen en songen hat, wennet nou to Koudum, sjuch Slj. en Rj. 1925, bl. 650, dêr't hja oan meiwirket. Blom (Durk van), berne 19 Des. 1877 to Ljouwert, die dêr ein-eksamen gymn 1896. promovearre to Leijen 6 Juni 1900, haedredakteur fen het Vaderland (1901—1906), heechlearaer to Delft 1907—15; sont 1915 to Leijen, kenner fen 'e alde rjuchtstastannen op Skylge en it Amelan, skreau It riedling fen it Amelan, yn It Harmen-Sytstraboek, 1915, bl. 73—78, oer Eamelsmannen fen Skylge yn It Heitelan en It kastiel fen Amelan yn Slj. en Rj. 1924, bl. 610, 1919, bl. 254, 1920, bl. 50, dêr't er meiwirker fen is. Bosma (G ), to Langsweagen, haldt Fryske foardrachten. Botke (dr. Jacob), berne 15 Des. 1877 to Huzum, op 'e H. B. S. to Ljouwert, promovearre to Grins yn 1917, dêr't er nou learaer is yn plant- en dierkinde, skreau: Fen Fryslan's groun, geologyske sketsen, earst yn It Heitelan, 1919, 1922, 2e pr. 1925; opstellen oer 'e Noardsé yn it Heitelan, 1922; ier It Amelan yn Slj. en Rj. 1924, bl. 614. Bottema (Tjeerd), kinstskilder, berne 6 Febr. 1884 to Langsweagen, helle de Prix de Rome yn 1907, skildeie yn Italië, Spanje, Marokko, Frankryk en Ingelan, meiwirker oan It Heitelan, 1919, dêr't er politike printen for teikene. Bottema (Tjerk), kinstskflder, broer fen 'e foarige, teikene de ptintsjes fen Nynke fen Hichtum's berneboek Der wier ris in ald wyfke, it titelblêd fen it Frysk Mearkeboekje Ut 'e alde doaze 1912, en spotprinten yn It Heitelan, 1919, nou yn Parys. Brouwer (Bartele), berne to Beetstersweach, administrateur by firma Noordhoff to Grins, skreau proazasketsen en fersen yn Frisia en Slj. en Rj. Brouwer (Jelle H.), broer fen 'e foarige, berne to Beetstersweach 23 Aug. 1900, amptner oan 'e Bumabibleteek, samler fen Jong Fryslan, tiidskrift fen it Boun fen Jongfr. Selskippen, 1918, siet yn 'e redaksje fen Frisia, 1923; samler. fen it moanneskrift De Holder, 1926; skreau fersen ünder 'e skülnammen L. Feenstra, L. Bosker en J. yn Frisia, Slj. en Rj-, Fryslan en De Holder. Burg (F!yt v. d.), soan fen Jan Linzes v. d. B. to Jelsura, stoarn 1922, skreau fersen yn De nije Moarn 1922, en yn De Nije Mienskip, V, bl. 105. Burg (Sjirk v. d.), broer fen 'e foarige, studearre to Wageningen, nou to Ljouwert, skreau ü.o. De Fryske studinten en de Fryske striid yn It Heitelan, 1919. Caspers fEvert), teikenlearaer to Ljouwert, jowt houtsnijkinst yn De Holder, 1926. Castelein (Marten Hedzer) boer to Wargea, yn 1920 lid fen it haedbistjur fen 'e Jongfryske Mienskip: Cuperus (Sjoerd), berne to Goutum yn 1875, dominy to Ureterp 1902, Huns 1912, Lekkum 1916, promovearre op in dissertaesje Kerkelijk Leven der Hervormden in Friesland tijdens de republiek, 1916, 2e dl. 1920, foarsitter fen it Selskip for Fr. t en skr., skreau yn Forjit my net en Swanneblommen. Dekenga (Anna), berne to Lekkum, ünderwizeres oan 'e hüshaldskoaile to Ljouwert. Dorssen (Hendrika A. van), berne to Grou, oan e sikten] to Snits en Dimter skreau fersen ünder skülnamme Rixt, yn Forjit my net en Frisia, sjuch Harmen-Sytstra-boek, bl. 83; Nije moarn, bl. 13. 19; Oer hjar: D. Kalma,, yn Dreamen en Dieden (N. Sneeker Co«tr.), Giacoma Prampohni fortaëlae hjar „Hjè dy't üt statme", yn it Italjaensk, sjuch Giornale di Poesia, 16 Juni 1923. ol. Ui Douma (IJpe), üt Lytsewald, rêstend ünderwizer, meiwirker oan Sljucht en ^DUkstra (Jan W.), soan fen Waling Dykstra Sr. direkteur fen 'e kweekskoalle for ünderwizers op 't Fean, lid fen it haedbistjür fen it Selskip, meiwirker fen Slj. en Rj. . . Dijkstra (Joh.), kinstskilder to Grins, teikene de printsjes fen Janneke Katsma's Frysk Mearkeboek, de kostums for Kening Aldgillis, ek yn De Nije Mienskip, Slj. en Rj. en K. ter Laan's N. Groninger Woordenboek, 1924. _ Dijkstra (J K.), berne to Dokkum, skoalmaster to Menaem, haed fen e skoalle to Sigerswald, lid fen it Jongfr. sjongkoar, skreau fersen yn Slj. en Rj. for 'e bern en yn It Heitelan, 1919, en it blijspit Sudewyn. Dijkstra (Klaas), to Snits, krige syn oplieding fen W. de Haas derre, en bringt syn Frysk koperdriuwwirk ta eare, lyk as syn karmaster en dy syn fe Dijkstra Jsn. (Waling), pakesizzer fen W. Dykstra Sr. berne op it Fean, nou to Rotterdam oan 'e Hannelskeamer, redakteur fen 'e Voorwaarts en De Verbruiker, joech mei J. P. Wiersma en Anneke Steensma ut: Jongfryske ^EtongaTjoh.), kinstskilder, berne 5 Des. 1893 to Wommels, teikehet for It Heitelan en Leeuw. Cour. en skreau oer syn bisiik oan Parys, Heitelan 1920- siuch- loh. Elsinga yn it Prinsessehóf, Frisia, 1920, bl. 59. Elzlnea (Lou), Frysk foardrager, oan 'e büterfebryk to Marrum, skreau trije foardrachten ünder 'e skünamme E. fen Marrum, tytle As er great 1S'Evsinaa dhr T. A. M. A. Humalda van), berne to Ljouwert, boargemaster fen Wormerfear (1900), Dimter (1913), oersetter fen Sophokles Oidipous (1923) en Ovidius' Metamorphoses yn It Heitelan (1925) meiwirker oan Frisia, 1920, forklanke fersen fen Kalma, J. v. d. Mei en Rinke Tolman, sjuch ^Fe^sfra'flnnei)? berne to Terherne, kommys to Nijmegen lid fen de Fryske skoalle-foriening fen Jongfriezen yn Raerderh.m, 1917, (™am™ Sjirk Feloma), Fen Mar en Poel, meiwirker oan Slj. en Rj 1923, rnsia 1920 en It Heitelan de novelle Fen it jonge libben, Heitelan, 1924 Ferwerda (F.), skreau de foardracht: De reis fen Gabe en Setske, 1914 Folkertsma (Paulus), berne to Wommels 15 Jan. 1901, Ünderwizer to Aldeboarn,'forklanke Fryske fersen for 'e karbondel fen Mmgde koarl.eten 1926, en longfryske kampsangen, 1922; skreau oer Mezyk yn De Nije Mfrankeoa'(Hendrik J.) üt Easterlittens, lanboukindich ingenieur to Doesboarch, skreau proazasketsen yn Frisia, 1920. Geertsma (O F.) haed fen 'e skoalle to Terhenne, der forstoarn, skreau it toanielstik Wikkerdewik, 1910. Geertsma (S.), to Appelsgea, teikenet for It Heitelan. Gelder (J van) houtsnijer to Ljouwert, foarhinne yn tsjinst by Tekstra, de earste kinstener dy't wer de alde Fryske petroanen fen it kerfsnijen ynfierde. Goot (Homme G. van der), boer to Irnsum, dêr forstoarn, skreau de foardracht: De boer en lapkekeapman, 1904. Hallema (Anne), berne to Frentsjer, ünderwizer to Ginneken, lid ten e longfr Mienskip .skreau Fryske skiedkindige opstellen yn Frisia, yn e Banier, 1918, Franker Couf., 1917, Koart Oersjuch fen Fryslan's skiednis, 1918; N. Sneeker Cour 1916|1917; Yn üs eigen Tael, 1926. Halma (Pyt S.), ferwer to Ternaerd, meiwirker oan Slj. en Rj. Hartstra (Bonne H.), boer to Follegea, skreau fersen yn Slj. en Rj. Hekstra (D.), ünderwizer yn 'e Westerein, skriuwt for 'e bern yn e Ljouwerter Krante, 1925—26. . . Hem (Albert van der), üt Raerd, ünderwizer to Easterein, nou nei Ynje, bistjürslid fen it Boun fen Jongfr. Selskippen (1917) skreau fersen yn Fryslén Frisia, Slj. en Rj. en yn it Heitelan; Dimmene Lietkes (1918). Herdér (Teade), üt Drachten, bistjürslid fen 'e Jongfr. Mienskip, nou printer to Stiens fen De Nije Mienskip, dêr't er yn skreau oer 'e Drankstrnd, V, bl. 78, opstellen yn Frisia. Hiddema (Tjeerd), berne yn Holwert, ünderwizer to Mullum, skriuwer ten 'e longfr. Mienskip, 1920, nou to Hoenderloo. Hiddema (O. A.), üt Holwert, fabrikant to Boalsert, skreau it toamelstik, Oerwinning, 1925. C(. „ Hoogeveen (Dr. Douwe M.), kinstskilder, berne 4 Maert 1891 to Stiens, learaer to Ljouwert en Haerlem. . Hoogland (Sierds), üt Aldwald, skriuwer fen it P. E. B. to Ljouwert faarsitterfen it Ljouwerter toanielselskip, skreau: Kruiken yn Heitelan en Frisia. Hoogslag (Jac. N. D.), berne 31 Maert 1877 to Ljouwert, forklanke O. lapiks Jounbea en Tjesckmoar's See-eangste, Fedde' Schurer's Sang fen de Upstalbeam en War dy fen deselde, J. B. Schepers' Sang op ft Fr Wielridersboun, Simmerjounsbyld, en oare fersen yn 'e koarbondel for Mingde Sjongkoaren, 1926. Homstra (Robyn), üt Bakhuzen, op H. B. S. to Snits, dokter yn Bloksyl, skriuwer fen it Boun fen Jongfr. Selskippen, sjuch: Propagandaskrift fen it Boun fen Jongfr. S. 1917. Houkes (Sweitse), Frysk kinstskilder, berne 5 Des. 1885 to Reade Skoalle (Gr.), letter to Rotterdam, Haulerwyk en Dimter, teikenet for It Heitelan (1920). laarsma (Hermine), to Warten, toanielskriuwster for it Boun fen Steatspensionearing, skreau: Alde Sijke (1925) en De alde dei (1925), As de dochters oan 'e man moatte (1926). Jansma (H.), Smid to Ljouwert, toanielskriuwer for it niisneamde Boun, skreau: O, dy segelwet (1925), en Is der Steatspensioen? (1925). Jansen (Jacob), berne to Warkum, féarts to Skerpenseel, skreau yn Slj. en Rj., Tsjugenis en De Holder. Jansen (Pierre), kinstskilder, berne yn 1865 to Ljouwert, studearre to Amsterdam en Brussel. £ ; ' Jansen (W. G. T.), kinstskilder, berne to Harns 25 Des. 1871, earst by it mesinefak, do op 'e helling Conrad, en op 'e kinstnijverheidsskoalle to Haerlem'en ikfebryk De Distel to Amsterdam. Jong (Germ de), kinstskilder, berne 8 Maert 1886 to St. Japik. Jong (H. H. de), to Boalsert, meiwirker oan Slj. en Rj. 'long (Jan L. de), üt Drachten, mezyklearaer op 't Fean, forklanke op e nij it Fryske Foltsliet, yn Bondel fen Mingde koarlieten, 1926. Jong (Kom. E. de), üt Langsweagen, Frysk foardrager, meiwirker oan Slj. en Rj. ünder skülnamme Kees fen Langsweagen. Jong (Pyt de), oan 'e büterfebryk to Weidum, skreau it toanielstik Ulrik (1924). Jong (Siebe Douwes de), üt Stiens, Journalist oan 'e Ljouwerter krante, bistjürder fen it Boun fen Jongfr. Selskippen, 1917, stjürde de Jongfr. Mienskip yn sosjalistyske koers, skreau yn Frisia en Heitelan, skülnamme L. Martena. Jongema (Saekje), berne to Easterein, stoarn to Ljouwert 1924, skreau ünder 'e skülnamme Alve Deloma fersen yn De Nije Mienskip, V, bl. 108. Jousma (Ane), üt Wester-Nijtsjerk, ünderwizer yn Aldtsjerk en St. Japik, skreau fersen en toaniel yn Frisia, 1920, en yn Leeuw. Cour., ek it toanielstik Needlot, 1925. Jurres (Hendricus), kinstskilder, berne 17 Jan. 1875 to Ljouwert, sjuch Th. Hammes yn Elseviers MaandsChr. 1904, bl. 151—162, en Rinke Tolman yn Heitelan, 1920, bl. 252. Kalma (Douwe), berne 3 April 1896 to Boksum, ienichst bern. Syn alden forhuzen in pear wike dêrnei nei Wirdum, letter nei Dearsum, do nei Raérd, dêr't syn heit forstoar (1907), gymnasiumoplieding to Snits (1908—14); fen '14—16 de tarissing for syn Frysk wirk; yn '15 nei Ljouwert forhuze. Yn '16 nei de Grinzer hegeskoalle for domenijs-stüdzje, dy't er lykwols mei in jier oerjoech; dêrnei yn de mobilisaesje, to Amersfoart, Amsterdam en Haerlim. Bigjin '19 nei Snits for wirk by A. J. Osinga en oan „It Heitelan"; yn '21. wer nei Ljouwert, dêr't it Mienskipshus yn de Skrans syn wirkplak wirden is. Wijt him earst en meast oan it Fryske libben; dêrby studearret er en jowt les yn talen. Hy socht al ier himsels yn it wird to uterjen. Yn syn léste gymnasiumjierren krige er each for de bitsjutting fen it Frysk, dat er, alhowol er üt in goed Frysk laech wier, as jonge faek skoudere hie, om't er der oars net folie as rüge en platte dingen yn lies, dy't him net joegen hwet er socht. De lessen en omgong fen syn learaer. yn Nederlansk P. Sipma dienen der goed oan, det dat foroare. Alhowol de eigentlike omkear yn himsels kaem sünder dat it ho-en-hwet yn safolle wirden to biskriuwen is. Mei it ütbrekken fen de oarloch fielde er, ho jong ek, it as in ropping yn him it uterste to dwaen om for Fryslan in eigen takomst to winnen. Hy hearde bisibbe lüden fen oare jonge Friezen en róp dêrmei de Jongfryske biweging op. Yn it bigjin forheftich nasjonalist; letter forstie er dat dêr it léste wird net mei sein is. Haldt fêst oan it Fryske libbensrjucht, mar is dêrby oertsjüge, det de foltsen net tsjin, mar neist inoar bistean moatte. As earste en greatste plicht sjucht er de Friezen op to weitsjen ta geastlike selstannichheit: binne hja ienris safier, den kinne hja fierders seis hjar wegen kieze. De Fryske striid is in stik libbens-earnst en hja moat it djipste yn it herte reitsje, ef hja is neat. Fen syn Frysk wirk hechtet er it meast oan syn wirk as skriuwer, mar hy is de foarste om mei to stimmen, det it Frysk-eigene om mear ropt, as om literatuer allinne, en ek dat oare bisiket er sines to jaen. Syn Frysk bigjinsel is for him ien mei syn libbens-oertsjüging, dat yn it geastlik evangelysk-Kristlik, yn it maetskiplike sosialistysk is. Yn it steatkindigé is, er, lyk as de hiele Jongfryske biweging, earst Fries, den Nederlanner. Hy hat it by folie minsken gans forbruid mei syn kritiken, dy't de earste jierren ek folie mear utering fen fielen wierne as saeklike fêststelling, en yn hjar bittere forheftichheid mannichien tige op it sear kamen. Syn saeklik bitinken op dat stik is itselde bleaun, mar syn bijegening binammen fen folie alderen moeit him nou wol, howol er foar en nei yn Fryslan folie ünoprjuchtens en lytsens ünderfoun hat. De minsken fen it Ald Selskip mei it lykwols in treast wêze to witten, det er net mear stean wol for hwet er do yn 'e hjitte hei wol tsjin hjar ynbrocht hat. De léste tiid komt der wis mear wirdearring fen wearskanten — ek saeklik is it forskeel al sa great, det der ek gjin persoanlike fijanskip mear ta hoecht. Syn wirk yn de Fryske striid bistiet yn 'e lie- ping fen de Jongfryske Mienskip, dy't yn it bigjin de hiele Jongfryske brw*1ging, nei 1919 allinne mear it sosialistysk diel dêrfen yn hjar foriene. Dêrby it stiftsjen fen de Fryske Bibleteek, it lieden fen de Ynstitüts-kureussen en fen it Jongfrysk toaniel, it lesjaen for de Underrjucht-Kommisje en it bistjüren ef meibistjuren fen de tiidskriften: Frisia (1917—1924); De Nije Mienskip (sünt 1922); De Upstalbeam (1925); Sljucht en Rjucht (sünt 1926); lieder fen de Pompeblêd-rige (1916— 1920). Meidogger oan: de Ljouwerter krante (sünt 1914); Sljucht en Rjucht (sünt 1914; Forjit-My-Net en Swanneblommen (1915); Fryslan (1916); de Nije Snitser krante (1916—1918); Yn üs eigen Tael (1918); It Heitelan (1919 en sünt 1926); De Telegraaf (1916). Aparte ütjeften. Brosjures: De Jongfryske biweging, 1915; Fryslan en de wrald, 1916; Ljocht en Skaed, 1916; De skild fen it Selskip,vr»16; Bigjinselbrieven fen de J.fr. Mienskip, 1916; Mienskip en Fryske StrMd, 1917; Fen de lytsen ien, 1918; Nij libben, 1919; Ropping en Striid, 1920; Us boadskip en striid, 1920; It nije Fryslan, 1922; Nije Fryske striid, 1922; In soasialistyske folkshegeskoalle, 1923; Oprop oan de Fryske arbeiders-jongerein, 1923; De opstanning fen Fryslan, 1923; De Upstalbeam, 1926. Learmiddels for Frysk Underrjucht: Peedwizer for Fryslans skiednis en skriften, 1920; Frysk stavermgsboekje 1925; Us Memmetael 1925. Kaïiêzings: It Sjongende Fryslan, 1917; De Nije Moarn, 1922. Samlings fersen». Ut stiltme en stoarm, 1918; Jongfryske sangen, 1922; Fersen, earste samling, 1915—1918, 1926. Toaniel: f Kening Aldgillis, 1920; Noarderljocht, 1920; Wy allegearre, 1923; Ruth, 1924; Fryslén, 1926. Literaire stüdsjes: Oer Hamlet, 1926. Oersettings: Shelley's Adoneis, 1916; Shelley's Alastor (mei R. Tolman), 1918. Opstelrigen: Nijere persoanlike skriuwers (Rinke Tolman, Jan fen e Oaestmar, S. Kloosterman, R. Brolsma, O. Postma, P. Sipma) yn Leeuw. Cour. 1914—16; Dreamen en Dieden, yn N. Sneeker Cour. 1915; Fen Fryslan's fjilden, ibidem, 1918; Soldatebrieven, yn Slj. en Rj. 1918; Nei klearder kimen (oer yndividualisme, Kristendom en kinst, Haedsaken fen Jongfr. libbensskóging) yn Heitelan, 1919; Brieven oan 'e Friezen oer Fr. Striid en Kultuer SI. en Rj. 1923-24; De'wrald yn, deiboek fen in reis nei Ingelan, yn Slj. en Rj., 1924; Yn Ingelan, Slj. en Rj. 1925. K XT.. „. ,. £J Folkssangen, Slj en Rj. 1916; Epos Frijlan, yn De Nije Mienskip, V. Skülnammen: A. Greida, Hero Kamminga. Sjuch: Autobiografy yn S|j. en Rj. 1923, bl. 629, en- Vragen van den Dag, 1919 bl 8&—65. Fierders: Den Gulden Winckel, 1915, bl. 166—68; 183— Kerkhof (Alle J), üt Grou, studearre to Wageningen, lanboukindich ingenieur yn 'e Haech, skreau yn Frisia 1920, en yn De Nije Mienskip, .1925 Kerkhof (Lokke), üt Grou, boekhaldster to Birgum, skreau yn Frisia, 192U. Keulen (Gerlof), üt Grou, op 'e sikterij to Mantgum en St. Anne, bistjürslid fen'e Jongfr. Mienskip, 1920. Kleefstra (J ) ald-direkteur fen 'e Brinioskoalle to Hilversum, forklanke de Kantate It Wetter fen dr. Schepers, 1914; biskreau it Fryske foltskarakter yn Grondslagen van opvoeding en onderwijs, 1913, bl. 106—109, skreau: Een Vacantie op de Friesche wateren, 1910. Klijnsma (Albert E.), berne to Follegea, journalist op 'e Lemmer, is meiwirker oan Slj. en Rj. ünder 'e skülnamme Albert Ingeles, skreau fersen yn It Heitelan, 1919. Koelstra (Gysbert), to Balk, mesinefabrikant, yn 1918 bistjürslid fen it Boun fen Jongfr. Selskippen, yn 'e redaksje fen Yn üs eigen Tael, 1925. Koolstra (Jan Sietses), boer to Swichum, forstoarn, skreau de foardracht De fleanmesine, 1912. Kuperus (Sjoerd), Frysk kinstskilder berne 10 Febr. 1893 to Burg op Texel, learling fen Albert Hahn en Jan Sluyters. Langen (Afke de), berne to Ljouwert, bernsbern fen Waling Dykstra, ünderwizeres yn Bitgum, oan it Jongfr. toaniel, skreau fersen yn Frisia, ünder 'e skülnamme Thora. Lighthart (Jouke), üt Popperiwisf, forstoarn 1921, Frysk foardrager. Loon Hsn, (J. van), haed fen 'e skoalle to Mitselwier, meiwirker oan Fryslan, 1917—18. | Martin (Hans), soan fen Pref. Martin to Leijen, direkteur fen it Frysk muséum, 1916, teikenlearaer oan 'e H. B. S. to Amersfoart, teikene for It Heitelan en meiwirker oan Frisia. Mesman (H. Uden), soan fen ds. Uden Masman to Winsum, oan Hepkema's krante, nei Indië en Z. Afrika. Frysk ütjower fen Troelstra's Rispinge (1909) en T. E. Halbèrtsma's Ut it alde laech (1912), nou yn 'e Haech, skriuwer fen it Boun fen Fr. Selskippen om utens, dat yn 1926 üt 28 selskippen bistiet en 3000 leden, skreau yn Slj. en Rj.; yn It Heitelan, 1923 de rubryk Fen 't iene op 't oare, forfryskingen binne: Under ien dak, 1920, Klein Benting, 1921, De Skoaijer, 1924 nei Fabricius. Molenaar (Kerst), muzyklearaer to Ljouwert, forklanke it Jounklokje fen Otter, yn Bondel fen Mingde koarlieten, 1926. Moolemaar (Frieso), muzyklearaer to Grins, forklanke Widzesankje fen P. I. Troelstra, yn Bondel fen mingde koarlieten, 1926. Mulders (J.), to Boyl, learling fen 'e Haechske akadeemje, kinstskilder en houtsnijer, joech houtsneden oan De Holder, 1926. . Nawijn (Tjipke), haed fen 'e skoalle to Beets, toanielskriuwer, nou ta Apeldoarn, skreau Bernlef, skiedkindich toanielstik, 1923, Widekind (net printe). Nieuwenhuis (Jochum), to Grou, skriuwer fen it Selskip, forklanke syn sjongstik By memme dea, yn It Heitelan. Nieuwenhuis (Oepke), yn Harns, nou haed fen 'e skoalle to Ljouwert, skreau it toanielstik Libbensdoel, 1916, en bondel sketsen Al wer hwet nijs. Noordenbos (Uulke), üt Snits, nou yn 'e Haech, meiwirker oan Heitelan en Slj. en Rj., Frisia. Oostenbrug (Janke), to Aldwald, skreau fersen yn Frisia, Sljucht en Rjucht en De Nije Moain. Oostra (Roel) fen Füns by Jorwerd, op 'e sikterlj to Mantgum, nou vo Weidum, skreau ek ünder 'e skülnamme Feleor yn Frisia, fersen, en yn De Nije Mienskip V. Oppenhuizen (J.), skreau it toanielstik: De Gouddollers of De bodders fen it lan, 1925. Paardekoper (Jan), üt Poarmerein, mezyklearaer en organist to Ljouwert, forklanke fersen fen P. Jelles, J. Klaasesz, E. Halbertsma, W. Dijkstra, G. Andriesse, O. H. Sytstra, S. v. d. Burg, Jan fen 's Gaestmar (Nije Koarsangen)- Pander (Pier), Frysk byldhouwer, berne 20 Juni 1864 to Drachten, kaem meï bihelp fen Ds. ten Cate as 14-jierrige jonge op Quellinus to Amsterdam, letter to Parys. Op syn 30e jier nei Rome, forstoarn 6 Sept 1919, Syn wirk yn 'e Pier Pandertimpel to Ljouwert, boetsearre it kopsbk fen Waling Dykstra for de tinkstien. i l w. ,. A . , Piekema (O), üt Wytmarsum, lid fen Jongfr. Mienskip, ünderwizer to Grins, biwirker en lieder fen: Skriftelike Kursus for de Fryske tael, Grins, stalde Fryske revues gear for it selskip Halbertsma. Plantinc (J-), üt Drachten, teikenet for It Heitelan, 1924—25. Pollema (B. R.), Journalist oan Hepkema's krante, studearre yn Delft, wenne vn 1914 to Huzum, nou yn Amsterdam, skülnamme Bokke^mens en Hylke Sjonger, fersen yn Slj. en Rj., Heitelan, Fryslan, It Sjongende Fryslan; skreau novellen yn It Heitelan, (Gerkje, Tine), sfach: Leeuw. Cr. 17 Juni 191b. Postma (Tjipke), schipper to Feanwalden, meiwirker oan Slj. en Kj-, Hepkema's Krante, Friesche Schippersalmanak. Postma (dr. Obbe), berne to Surch, learaer yn e wiskunde to ürins, dienter fen Fryske lan en Fryske libben, 1918, 2e pr. 1923, meiwirker oan Forjit my net en Swanneblommen, Heitelan en De Holder, sjuch: D. Kalma, Leeuw. Cour. 22 April 1916. n , 19aQ Quarles van UHord-Buma (Anne M. C), berne to Huzum 13 Oct 1889 skreau oer Toaniel-idealen yn Frisia, 1920; en oer it Great Fr.ezenkongres to Jever, dat hja bywenne, Slj. en Rj. 1925, hat de regy hawn fen it Jongfr. toaniel, jowt foardrachten op Fryske jounen. Ratsma (Janneke), üt Grou, ünderwizeres to Alde Leije, skreau Frysk Mearkeboek, 1924, meiwirkster. oan Frisia, 1920 Ratsma (Pytje), üt Grou troud mei Wouter Zwart spile haedrollen by it J°Rauwïdaa(A.), restend lanböulearaer to Ljouwert, .berne to Stiens Skreau: De Greidekultuer, in hanboek oer it oanlizzen en underhalden fen e grRe|énbogen (Elbertus Reinier), berne to Snits, yn Kalifornië en Sumatra, SkSS I&^Ü^tA ünderwizer op 'e Jouweren^Amsterdam, foarsitter-fea.it Boun fen Jongfr Selskippen, lid fen 'e Fryske skoalle. Rienks (Klaas Arjens), üt Langwar, nou op 'e Ryp, studearre to Delft ingenieur to Beets," skreau yn Frisia. .... Sfi Roesink Kalsbeek (].), to Tynje en Haerlem, meiwirkster oan Slj. en Rj'Rook2'(lohannes de), soan fen K. de Rook, üt de Lemmer forklanke Fr feS yn 'e böSdel for mingde koaren, 1926, Boi yn It Heitelan, heder fen ,t ^ÏÏ&T^V'll^™ 30 Juni 1848, forstoarn 1925, haldde wSjounenocht, Slj. en Rj. 1924, bl 10, bikinde femy 1 e ^ -nusia Rook (L. de), muzyklearaer op 'e Lemmer, forklanke Peaske en jong ac man?6fskie fen P. J. Troelstra, yn Bondel fen mingde koarlieten, 1926. Rnmpr fK 1 to Goutum, meiwirker oan bij. en Kj. ivéó. Roosje» (A) berneTen forstoarn to Hynljippen (1914) w.rker yn ald- HyRar(JurjeS to Delft, ingenieur, letter yn Dütsk- lani^nfau yn It Heitelan oer radium, ljocht, aether, tnd, romte, theory fen EiSchaaf (H. van der), meiwirker fen Piekema, ünderwizer to Grins, biwirker fen in Skriftelike Kursus for de Fryske tael. foarsitter fen it Schaafsmia (Ids A.), üt Waldsein, nou to Snits,. jm. 1912 toarsiner ien Boun S^Fryslïn (skriuwer fen it Boun wier G. Kingma to' Makkum) ScaSg(HÜgö! Var.), Frysk kinstskilder, learling fen Bisschop en de Ingelske skilder Hugo Herkomer. Schalk (Willem H. W. van), üt Beetstersweach, Frysk kinstskilder, berne yn 1875, learling ek fen niisneamde skilders. Scholten (Marten K.), berne to Arnhem 5 Maeije 1904, amptner oan 'e Provinsiale Bibleteek to Ljouwert, skreau ünder 'e skülnamme Marten Gerbens yn Slj. en Rj. 1923, en yn De Nije Mienskip. Schuurmans (Reintsje), ünderwizeres to Birgum en Swol skreau for 'e bern yn it Heitelan, 1919, novelle yn Slj .en Rj., ünder skülnamme Ruth, en oer de frouebiweging yn Frisia, 1920. Sevenster (Ate), boer to Wier, haldde ynliedings by de Jongfr. Mienskip, en skreau: De nood van onzen tijd en het middel tot verbetering, 1925. Sipma (Pieter), berne 26 Febr. 1872 to Dronryp, bisocht de normaelskoalle to Frentsjer, wier master to Runerwéld, Snits en Grins, waerd learaer yn Nederlinsk oan 'e H. B. S. to Warffum (1909), yn 1911 oan H. B. S. en gymnasium to Snits, nou to Ljouwert, forfryske Schiller's Liet fen 'e klok, (Swannebl. 1908), skreau oer De stüdzje fen it Frysk en oer It ünderrjucht yn it Frysk yn Forjit my net, 1906 en 1907; stalde yn 1908 gear syn Entwurf einer einheitlichen Rechtschreibung samtlicher Inselnordfriesischen Mundarten, zum Zwecke einer gemeinsamen Schriftsprache für dieselben, in Uebereinstimming mit dem Mungardschen Wörterbuche; skreau oer Noardfryske saken yn Forjit my net 1910; fierder Phonology and grammar of modern West Frisian, Oxford, 1913; In Algemiene Fryske Rie, 1916; stalde gear mei D. Kalma It Harmen-Sytstraboek 1918, haldde 31 Oct. 1917 syn rede De beoefening van het Fries, ta iepenmg fen 'e lessen yn 'e Fr. tael en letterk. yn 'e akadeemje to Grins, waerd 1 Maert 1919 haedlieder fen it algemien Frysk Wykblêd It Heitelan, lettere redaksje R. W. Canne en J. Winkelman (1921); skreau yn Frisia 1917 sonnetten, Fryske lessen en oer it dialekt ten Amelan, en wier foarsitter fen it Frysk nasjonael kongres to Ljouwert yn 1918. Sjuch oer him: D. Kalma, Oantinkens yn De Nije Mienskip, Desimber 1925; Leeuw. Cour. 20 Mei 1916; J. J. Hof, De saek Wielsma en Sipma-Hof, 1913; deselde, Is der in Fryske tael? f914; Syn tinkbylden oer de Fryske biweging yn It Heitelan 1920. Sipma (Sjoerd R.) boer to Ingwierrum, meioprjuchter fen De Upstalbeam, 1925, skreau kritiken yn De nije Mienskip, 1925. Sloot (A. van der), kinstskilder, berne to Skalsum, 14 Maert 1884, studearre oan 'e Haechske Akadeemje, teikenet for Slj. en Rj., De Nije Mienskip, Heiteuih. Speekhout (Wytske) Fryske foardraechster to Snits. Stap (Sieger), Fryske foardrager to Beltsum, skreau: Fryske foardrachten, 1923. „. , Steensma ((Anneke), berne to Frentsjer, learlinge fen Koerman en Sjouk Tigler Wybrandi, op it konservatorium yn 'e Haech, nou to Skeveningen, joech mei üt de Jongfryske koarsamling, song op 'e Waling Dykstra-dei, die folie for 'e Fryske sang. Sybestna (Rintsje P.), berne to Tsjerkgeast, féarts to Nijehaske, skreau fersen en novellen yn Sljucht en Rjuchfe Frisia, Harmen Sytstraboek, Tsjügenis, It Heitelan, mei J. Brouwer, samler fen De Holder, 1926. Oer him D. Kalma yn Frisia, 1920, bl. 84, 101, 116. Sybrandy (Jelle H.), to Rotterdam, nou yn 'e Haech, die yn It Heitelan, 1919, bl. 30 in oprop for it boun fen Fryske technikers, en skreau oer kosmogony Heitelan, 1920 en 21, sjongt for de Fryske selskippen. . Terpstra (Sj.), Fryske skriuwster, ünderwizeres op 'e Jouwer, meiwirkster oan Slj. en Rj., hat yn Sweden west, nou op Cuba, earste Friesinne, dy't de bern taelünderwys joech. Tolman (Rinke), berne 25 Maeije 1891 to Eastersé, op 'e kweekskoalle to Grins, 1907 1910, nou yn 'e Bildt, journalist oan it Utr. Deiblêd, skriuwt oer it natuerlibben yn de N. R. Ct., syn earste fryske fersen yn Slj. en Rj. 1913, fierders yn Frisia, Fryslan, Yn üs eigen Tael, Swanneblommen, Heitelan, sette mei Kalma oer Alastor fen Shelley, makke de Fryske striid bikend yn de Hollanske'tiidskriften lyk as Vragen van den Dag, De Holl. Lelie, Leven en Werken, De Gulden Winckel ensfh. Sjuch- syn libbenskets, Yn üs eigen Tael, 1917,-bl. 100; herders, D. Kalma yn Frisia, 1920, bl. 21, 37, 53, 68, en Leeuw. Cour. 1914, 19 Des. Tuinstra (Bouke), to Hearenfean, oan Hepkema's krante, meioprjuchter fen 'e Upstalbeam, sketsen ywifrisia en De Holder (1926). Uildriks (Frederike J. van), to Lochem, skreau yn Forjit my net 1912 oer swanneblommen en bremerheide, meiwirkster oan Slj. en Rj. en Yn üs eigen Tael. . ,. Uilkema (Klaas), berne to Grou, ünderwizer to Ljouwert, meiwirker oan it Heitelan, 1921, skreau Het Friesche boerenhuis; onderzoek naar het ontstaan van het'tegenwoordig* boerenhuis in Friesland, 1916. Uitterdyk (Drevis), üt Aldtsjerk, nou to Hilversum, alear ünderwizer oan 'e Trompskoalle, meiwirker oan Slj. en Rj. Veen (Jacob van der), Frysk kinstskilder, berne to Snits, 20 Jan. 189b, learaer H. B. S. to Wynskoaten. Visser (Jac. J.), berne Easterlitteris, büterdirekteur yn Terwispel en BoarnWrgum, skreau yn It Hpitelan 1920 oer lan en fébidriuw, haldt Fryske hagepreeken en spriek yn it F. M. G. kamp to Gieteren. Visser (Tjipke), Frysk byldhouwer, berne to Warkum, 12 Des. 1876, yn 'e Haech. J, . Vreeningen (Jan van), syn heit skoalmaster to Birgum, ünderwizer to Arnhem, skreau ünder 'e skülnamme Masters Jan yn Slj. en Rj. en Heitelan. Vries (J. D. C. de), üt Peasens, nou to Flissingen, meiwirker oan Slj. en Rj. en sette fersen oer fen Shelley, 1922. Vries (Thijs de), üt Nijebrêge by 't Fean, skütmakkersfeint, nou by de Rie fen Arbeid op 't Fean, skreau fersen yn Slj. en Rj., Frisia, HarmenSytstraboek, De Nije Moarn, De Holder. Vries (Th. A. de) ünderwizer op 'e Lemmer, forklanke Forrizenis ten Fedde Schurer. Vries (Tjeerd Gs. de), üt Ljouwert, postamptner to Amsterdam, skreau oer de Fryske fügels yn Forjit my net, 1912. Wenning (IJpe), Frysk kinstskilder yn 'e Haech, berne to Ljouwert 2ö ^estermann (G.), Frysk kinstskilder, berne to Ljouwert, 25 Des. 1880, to Amsterdam. Weij (Jouke Jödocus van der), berne to Tirns, oan 'e bibletheek to Gent, mei Joh Rypma en dr. Titus Brandsma samler fen For Roomsk Fryslan, tiidskrift fen it Roomsk Frysk Boun, 1917 en fen it Roomsk Frysk Almenak. 1921, dêr't ek yn skreaunen Thomas v. d. Vloodt O. E. S. A., T. A. Hethnga to Koarnjum, P. Rynja to Amsterdam en pater Alb. C. Doodkorte O. P. to Swol. Hy skreau: De plaats der Katholieken in de Friesche taalbeweging; met inleiding van dr. Titus Brandsma, 1919; meiwirker oan Slj. en Rj., Heitelan 1921, 508, (oer de Friezen en de skilderkinst yn it Ryksmuseum), Fryslan'(De Vlamingen en wy, 1918. Fierders: It Roomsk Fr. Boun, syn reaksje en weroplibjen, Heitelan, 1921, bl. 554; Uit Friesland's strijd voor taal en recht, yn Vlaamsche Arbeid, 1924, en mear opstellen. Wiersma (Jacobus Pieters), berne to Hallum 19 Jan. 1894, journalist to Ljouwert, lid fen 'e jongfr. Mienskip yn 1916, oprjuchter fen it Jongfr. sjongkoar yn 'e simmer fen 1917, meiwirker oan Slj. en Rj. en Frisia, 1920-21, dêr't er muzykbylagen oan joech (Oan de Boarne, Dünsang, Weagesankje, Hwa't de tael, Jim hege loften); hy forklanke ek it koar fen nonnen yn Kalma's Kening Aldgillis, en inkele sangen fen Kalma yn 'e koarsamling fen it Jongfr. sjongkoar. Syn toanielstikken binne: Arbeidersjongfolk, 1923; In dei fen aventüren, 1926; Hja, dy't oars binne, 1927. Syn novellen: Yn 'e libbensstream, Leeuw. Cour. 1926; It wundre birin, Slj. en Rj.,' 1923; Ut de Hallumer Kontreijen, ibidem, 1923. Fierders: De Fryske heide yn kultuer, 1926. Winkelman (Jae-), üt 'e Gerdyk, redakteur fen it Gemeenteblad to Amsterdam, yn 'e redaksje fen It Heitelan sünt 1921, foarsitter fen it Boun fen Fr. Selskippen büten Frysl&n, skreau ünder 'e skülnamme W. Japiks it toanielstik De Abbema's nei Gustav Frenssen's Jörn Uhl, 1920. Wynstra (Fokke J.), to Lippenhuzen, nou boer to Boarnbirgum, skreau it toanielstik De rintmaster, 1923. Ydetna (E.), Frysk lanskipskilder, yn 'e Haech, berne 1876 yn Aldegea (W.), sjuch It Heitelan. Zee (Elske van der) üt St. Japik skreau yn De Nije Mienskip V, reisbrieven üt Ingelan. Zeldenrust (Gerrft), fit Molkwar, op 'e H. B. S. to Snits, dokter to Akersloot (N.H.) lid fen 'e Jongfryske Mienskip, meiwirker oan Slj. en Rj. 1916. Zwart (Eliza), ald haed fen 'e skoalle to Warten skreau de toanielstikken: In moarntiid nei in priisütdieling, 1901; Twa houliksoanfragen, 1906; Malle Thys, 1921; Fjouwer for ien, 1922, en de skoalleboekjes: Us doarp 1907; for de jongerein 1920. . Zwart (Pyt Th.), candidaeé-notaris to Ljouwert, skreau oer it stiftsjen Ien de Fryske bibletheek yn It Heitelan, 1919, bl. bl. 253. Zwart (Wouter), üt Wergea, boer yn Tietsjerk, foarsitter fen de Jongfr. Mienskip, 1920, en fen 'e Lanbou-Jongerein. Zylstra (Wytske L.), üt Drachten, ünderwizeres yn Boarn en op it Amelan, skreau: Amerijen yn Frisia en De Nije Mienskip, en toaniel-resinsjes, en kntysk oersjuch fen Simke Kloosterman's wirk (Fryske fortelkinst, Frisia, 1.921). Zijpp (Nanne van der), üt Warns, op 'e H. B. S. to Snits, menmste dominy to Zyldyk, meiwirker oan Jong Fryslan, tiidskrift fen it Boun fen Jongfr. selsk. 1918. BLÊD WIZER OP SAKEN, PERSOANEN. PLAKKEN. A Aa (Robidé v. d.) 430 Aagtjen IJsbrants 370—73, 376, 422, 583 Aanmerkingen (Taalk. op oudfr. spreekwoorden) 289 Aartsma (K.) 606 Abbring (S.) ' 394 Abdijen (fen Fryslan) 132 Abe (master) 607 Albrecht ((fen Saksen) 88 Abrahamson 499 Achelen (Igram fen) 70 Achtkarspelen 283, 630 Achlum 397, 529, 607 Ackema (R.) 155 Acronius (R.) 161 Adagia 136, 192, 195, 388, 412 Adam (fen Bremen) 510 Adama 388,412 Adama (L. E.) 160 Adela (boek fen) 510 Adelung 461 Adelung (F. von) 450 Adelung (J. C.) 308 Admiraliteit 198, 407 Adolf IV 71 Adolphus (Occo) 142,143 Adriaen VI (paus) 144 Aebinga v. Humalda (Sj. Humalda) 269, 394, 401, 442, 450, 458, 490 —91 Aedwerd (Aduard) 176, 190, 426 Aelsumer kleaster 125 Aemaril (en Goris) 242 Aeneas Sylvius (paus) 16 Aenee (S. B. W.) 583 Aenéis 139 Aesir 40 Aettalan 129 Afzelius 499 Agema 635 Agmonius Nadabus 257 .gur's bea 282 Vgricota (Joh.) 140 \gricola (R.) 98, 99, 142, 144 \ylva (D.) 160, 340 Aylva (E. F. fen) 340, 341 Aylva (H.) 224 Aylva (J ) 167 Aylva (S. D. fen) 364 Aynsen 127 Aysma (H.) 162, 164, 166, 238, 291 Aysma (J.) 166 Aysma (S.) 291 Aysma (T.) I93 Aysmacodex 70, 107, 291 Aytta (B. fen) 144, 148 Aytta (F. fen) 144 Aytta (W. fen) 142—158, 505 Ayttahüs 156 Aitzema (L. fen) 170, 172 Akadeemje (fen Frentsjer) 11, 160, 163, 166, 198, 215, 278, 344, 393, 428, 440, 441, 533 Akadeemje fen wittenskip (Fryske) '647 Aken 62, 131, 135, 175, 459 Aken (v.) M0 Akens 39 Akkerman (O. S.) 672, 680 Akkrum 23, 317, 475, 609, 642 Alardus 99 Albada (A. fen) 152—155, 165 Albada (J. G. fen) 495 Alberda 604 Albert Ingeles (sjuch A. E. Klijnsma), 706 Albrecht (fen Beijeren) 63 Albrecht (der Behertzte) 96 Albrecht (hertoch) 86 Alciatus 207. Alcuin 34, 44, 45 (Alde)boarn 62, 475, 596, 672, 680, 702, 710 Aldegea 132, 710 Aldheden (Fryske) 463 282 140 98, 99, 142, 144 160, 340 340, 341 224 167 364 127 Aldehou 287 Aldekleaster 82, 190 Alde Leije 707 Aldemardum 132,700 Aldeskoat 572 Aldeskou 361,368 Aldsyl 610 Aldtsjerk 704, 709 Aldwald 374, 608, 703 Alexander de Greate 187 Alfriezendom 471 Allardi (M.) 428 Allersielen 129 Allingawier 414, 415 Alliteraesje 18 Allmers (R.) 30, 527 Almenakken 222, 226, 287—89, 317 —319, 329, 354, 360, 361, 374, 430, 438, 485, 521, 542, 583, 584 Almenakskriuwers 222-28 Almenakstikjes 337, 602 Almenum 61, 607 Alphen (v.) 558 Alsen 517 Alterrof • 118 Altfridus 45 Altena (widdow) 430 Althuysen 262, 271, 336—43, 432, 491 Alting (Carpentier) 565 Alting (M.) 184, 186 Altona 522 Alva 155, 162 Alvaarsma (B.) 334 Alwin 55—72, 73, 75 Amama 441 Amelan 102, 104, 126, 132, 269, 284, 491, 701, 710 Amerika 368, 492, 500, 527, 547—58, 572, 580, 620—22 Amersfoordt (mr.) 485 Amesius (G.) 441 Amymone 30 Amira (K. v.) 208 Amman 192 Amptners-tael ■. 200 Amrum 30, 507, 521, 522, 526, 527, 539, 686 Amsterdam 99, 211, 301, 409, 651, 668 Anabaptisme 146 Anakreon 394 Analecta 146, 157, 285, 331 Andreae 396 Andreae (A. J.) 174, 376 Andreae (|. A.) 96 Andreae (D. H. Beucker) 434 Andreae (M. Beucker) 148 Andreae (S. J. Fockema) 443, 700 Andriesse (G.) 707 Andringa (G.) 378 Andringa (A. v.) 534 Andringa (R. v.) 327 Angelen 17, 36, 512 Angelsaksen 36, 44 Angelsaksysk 260,290,396,408,411, 439, 460, 461, 501, 503, 543 Anke-Tanke 23 Ankringa (J. D.) 415, 429—33, 450, 451 Anna (Sint) 432, 474, 583, 637, 706 Annales Xantenses 40 Anonymen en pseudonymen 401 Anslo (R.) 234 Antaeus 30 Anthonygasthüs 126 Antichrist 63, 76, 155 Anti-Hollan 120, 126, 142, 186, 300, 532 Anti-Romanisme 300—305 Anti revol. partij 646 Antsje Klazes 529 Antsje Willems 238 Antsjemoaisgat 593 Antwerpen 89, 165 Antyksnijer 238 Apeldoorn (L. J. v.) 72 Apokalyptyk 53, 54, 63 Apokalyps 19 Apoltoprêsters 74 Apologia (contra Ubbonem) 187 Apology (fen K. Roorda) 170 Appelsgea 575, 579, 703 Appianus (P.) 151 Appingedam 180, 203 Arbeidersbeweging (Fr.) 577, 633—41 Arcerius (J.) 280,281 Arcerius (S.) 180 Aremberch 658 Ares 16 Arianisme 97 Ariosto 233 Aristokraetsy 457, 459 Arminianen 456 Arndt (J.) 513 Arnoldinus (S. P.) 281 Arnoldus 441 Arntzenius (H. J.) 386 Artillery 198 Artopaeus (R.) 160 Arum 16, 18, 607, 612 Arundel (greve fen) 257 Asega 36, 40, 56, 116 Asegaboek 405 Asegadoem 117 Asegarjucht 115 Asen 546 Asgard 40, 546 As jimme it lije meije 589 Asman (J.) 601—603 Asperen (P. H. v.) 700 Asselijn (T.) 234 Assen (E. v.) 426 Assen (K. v.) 487 Athenaeum (f. Frentsjer) 439-42, 460, 496, 530 Atlas (fen Frysutn) 296 Atta 297, 299 Auchy (J. d') 162 Augustinus 87, 239, 269, 681 Atigustinusgea 27, 334, 630 Augustus 112 Auletius (A.) 160 Aumale (S. A. grevinne d') 345 Aurich 106, 151, 153, 311, 402, 403 Autograef (fen Gysb. Japiks) 268 Autonomy (fen Fryslan) 527 Ave Marije 157, 177 Axenhove 40 Azië 68 Azing 26 B Baarda (A. D.) 413 Baarda (J.) 606. 655 Baardt (P.) 180, 222-32, 237, 257, 259 Backer (J) 377 Baders 294 Baduhenna 16 Baerd 88, 548, 654 Baerd (Sybrand) 224 Baerderadiel 340 Baerdt (H.) 224 Baerdt (I.) 224 Baerdt (D. v.) 278 Baerle (C. v.) 234 Baerloo 22 Baersma (M.) sjuch M. Bottema 683 —699 Baflo 98 Bajema ((J.) 700 Bajum 39 Bakhuzen 703 Bakker (J. S.) 539 Bakker (M.) 579 Bakker (M. H.) 606 Bakker (S.) 617 Bodders yn 'e Fryske Striid Bakker (R. v. Zinderen) 639, 640, 644 Bakkersfolts 580 Balck (U.) 259, 278 Baldur 40 Balk 412, 570, 580, 663, 706 Banfinne 27 Banformule 615 Bannerhüs 129 Barbara (St.) 86 Barhüs 143 Barlaeus 234 Barnstien 15 Barradiel 397, 543 Barrière (Fryske) 168 Barsang (Fryske) 242 Bartels 188 Bartholoméus 56 Bartstra (S. A.) 613 Batavia 614 Baudimont (F. de) 166 Baukema (S.) 700 Bavius 470 Bazel 116, 144, 145, 205, 279 Beammen (Fryske) 283 Bebel (H.) 141, 142 Beckering Vinckers (J.) 272, 511 Beda Venerabilis 34, 42 Beda-Hedakronyk 207 Bédier (J.) 50 Beekhuis (G. H.) 700 Beem (W. van) 680 Beemster 59 Beer-Dijkstra (J. de) 701 Beers (J. v.) 626 Beets „i' Beets (Nic ) 630, 644, 706. 707 Beetstersweach 612, 700, 701, 708 Begaerderkleaster 49, 98, 175 Beginekleaster 298, 402 Beginen 215 Behrns 440 Behrns (A.) 604 Behrns (B.) 646 Behrns (J. H.) 439, 444 Beyma (C. L. v.) 347, 350, 368, 420 Beyma (Dj. v.) 224 Beyma (W. v.) Beyma thoe Kingma (J. v.) 652 Beima (E. M.) 430, 431, 444 Beintema (R.) 681, 701 Beintemahüs 375 Bekker (B.) 11, 301, 357, 424 België (oarloch en opstan) 433, 437, 447, 451 Bellamy 366 45 Baldur 40 Beltsum 110, 239, 257, 347, 606, 629, 708 Bendix (H.) 503 Bendixen (A.) 514 Bendsen (B.) 439, 539 Benediktiners 36, 45 Beneficiaelboeken 88, 129, 349, 505 Beneficium 129 Beninga (E.) 176, 407 Benthem 69 Bentley 449 Beowulf 48, 54, 65, 523 Berlage 689 Berling (Gösta) 244 Bernard (J.) 520 Bernardus (St.) 97 Berneboartsjen 23, 455 Bernedoop 129, 148 Berne-eed 25 Berneferskes 363 Berneboekjes 703 Berneoffer 23' Bernerymkes 558 Berneroppen 299 Bernesankjes 612 Bernlef 44—54, 410, 706 Bertefers 329 Beslingastate 476, 485, 556 Bethlehem (kleaster 74 Bethlehemstera-landtheeren 127 Betterwird 551 Beunk (H. J.) 701 Beza (Th.) 153, 154, 160, 163, 182 Bezemer (F.) 511 Bibel (Fryske) 200 Bibel (op 'e skoalle) 616 Bibelfrysk 200, 272, 394, 463, 605, 610, 627, 646-48, 672, 681, 682 Bibeloefening 645 Bibeloersetting (Fryske) 153, 200, 678, 681, 682 Bibleteek (Provinciale) 315, 317, 318, 331, 443, 511, 608, 681, 699, 705 Bycht 57 Biddagen 198 Bidstounen for Israël 578 Bierdrinke 177 Biehrhausen (H.) 313 Bierum 99 Bigjinsel fen 'e Fryske Striid 173, 704 Bigjinselbrieven fen Jongfr. Mienskip 697 Bigot (Ch.) 346, 347 Bigraffenis (Fryske) 26 Bigryp (Koart) 280,455 Bygelove 21, 372 Byldhouwirk 200 Byron 471, 535, 644 Bikearing (fen G. Japiks) 247—250 Biklimrjucht 405 Bikker 228 Bilderdyk (W.) 52, 273, 366, 412, 429, 451, 459, 409, 490 Bildt 151, 638 Bildttael (sjuch dialekten) 582-84, 606 Bilidenis (fen Nicea) 97 Binhüs (Frysk) 341 Binkes 485 Binnerts (A.) 536 Birgum 144, 585, 615—19, 612, 621, 708, 709 Biskriuwing (fen Fryslén) 175 Bismarck 512 Bistan (12 jierrich) 200 Bitgum 16, 220, 325, 344, 346, 610, 629, 706 Bitgumermounle 610 Bi weering (Frvske) 644, 708 Bjirmen (de) 597 Blair (Hugh) 414 Blancardus (N.) 320, 441 Blauhüs 450, 590, 610 Bleatfoetkamp 117 Bleeksma (P. G.) 579, 606 Blessueren (yn 'e alde Fr. Wetten 119 Blink (H.) 667 Blinze 27 Blocq (G. de) 282 Bloedresene 11" Bloedrie 162 Blokhüs (to Ljouwert) 91 Blom (J. G. v.) 536. 550 Blom (Ph. v.) H6, 550, 604 Bloemhof 175 Blondin f59 Blije 50, 129, 680 Boalsert 3d, 59, 62, 80, 81, 118, 120, 125 140, 200, 203, 2U8, ti% asi, 238 246, 248, 269, 278, 295, 323, 325 398 412, 428, 433, 457, 473, 475^ 496, 514, 528, 607, 609, 610, 621, 653, 703 Boargersositeit 368, 486 Boarnbirgum «o». Boarne (hillige) k 35 40 Boarstbyld (fen Gysb. Japiks) 398-400 Boosk (Het Jonge lieuws) 360 Boaskfersen 331—34, 351, 384, 387, 391,419 Boazum 197, 607, 611 Bocatius 157 Boddaert (P.) 271 Bode (Fryske 646 Boedelrjucht H? Boekenoogen (Q. J.) 31 Boekprintkinst (yn Frystèn) 100, 104 Boelens (B. A. v.) 334 Boeles (P. C. J. A.) 511 Boeles ((W. B. S.) 175, 350, 401 Boer (de Fryske) 178, 540 Boer (A. J. de 588 Boer (E. de) 423 Boer (H. de) 328 Boer (J. de) 22 Boer (R. F. de) '01 Boer (Tj. de) 137 Boerebidriuw Boerefrysk 422, 566 Boerehegeskoalle 522 Boerehüs 709 Boerekomeedzje 323 Boerelibben 695 Boeremenearen 368 Boeremerke Boererymlerij 328 Boereschrieuwer 423 Boeresoan (de tankbre) 359, 432 Boerinne (de Fryske) 307-73, 651-54 Boerkerij (Fryske) 177, 230, 312, 313, 651, 652 Boersma (K. D.) 579 Boersma (P.) 579 Boeteregisters 119, 502 Bogerman (Sr.) 161, 203 Bogerman (Jac.) 134, 135 Bogerman (Joh.) 160, 169, 192, 198, 202, 237, 269, 280, 487 Bogerman (R.) 124-141, 152, 298, 396 Boyl 706 Boysen (A.) 520 Boileau 263 Bokke Simens, sjuch B. R. Pollen» 687, 707 Bokkinga (H. en K.) 579 Bokma de Boer 653 Boksum 166, 196, 606, 704 Bolderingh (G.) 378 Bolhuis van Zeeburgh (j.) 72, 188 Bolman (C. W.) 635 Bolo 135 Bologna 86 Bolsuina 38 Bomkleaster 376 Bonaparte 421, 441, 471, 489, 627 Bonga (S. E. Wendelaar) 680, 681 157 271 646 11? 31 104 334 511 Bonifacius 9, 36, 178, 498 Bonifaciusbreaën 178 Bonifacius-reliken 177 Bonnema (T. J.) 604, 607 Bonninga (Ats) 402, 430 Bonsema (J.) . 607 Bonserahem 127 Boogaard (J.) 234 Boonemmer (A.) 571, 596, 607 Boot (J. C. G.) 289, 292 Bopp 440 Borchardt (W.) 197 Borchling (C.) 511 Bordewyk 71, 119 Borger (dr.) 320 Borger (E. A.) 385,401 Bornhövede 72 Borkum 32 Bom (Th.) 534 Bornaeus (E.) 248 Bornwerd 335 Boschloo (G.) 534 Bosco 459 Boseme raam 197 Bosgra (H.) 619, 621 Boskhüs 467, 619, 620 Bosker C.) 534 Bosker (L.) sjuch J. H. Brouwer 701 Bosma (G.) 701 Bosma (H.) 616 Bosma (W.) 362 Bosworth 461, 503 Botnia's 196) 501 Botnia (Duco v.) 160 Botnia (J. v.) 164 Botniafinne 27 Botniahüs 166 Bottema (M.) 683~^m Bottema (Tjerk) 701 Bottema (Tjeerd) 701 Botto -29 Böttger (R.) 72 Bouchain A4a Bouma (W.) 557 Boumasters (Fryske) 222 Boun (fen edelljue) 331 Boun fen Fr. selskippen büten Frystèn 667—677, 680, 706, 710 Boun Jong Fryslan 686, 708 Boun Jongfryske selskippen 701—710 Bourbons 446 Bourges 153 Bourgondiër 92 Bouricius 214 Bouricius (W. v.) 379 Bounskrift fen edelljue 162 Bouwinga (R.) 692 Bowring 262, 272, 430, 443, 445—52, 491, 505 Bra (H. v.) 160 Braaksma (P. J.) 604, 655 Braga 467 Brandsma 107 Brandsma (P.) 464 Brandsma (dr. Titus) 494, 709 Brandt (G.) 234, 236 Bransma (R.) 422 Brantgum 489, 612 Brantsma (P.) 403 Braunius (C. H.) 394 Brazilië 198 Breapriis 365 Breckena horne 129 Bredasche almenak 287—90 Bredero 410, 429, 450, 524 Bremen 118, 123, 549 Bremer (O.) 30, 311, 521, 550 Bremerheide 284, 709 Brenneisen (E. R.) 188 Brieffragminten (Fryske) 148—149, 329—330 Briefsamling (fen Viglius) 285 Brieveforkear (Frysk) 63, 87, 127, 129, 146—149, 153, 23t, 266, 276, 531, 532, 538, 541, 696, 697 Brieven (fen Gabbema) 275 Brieven (fen Hopper) 146 Bright (J.) 446 Brilloft (Fr) 104, 219, 243, 594—95 Brilloftsang 221, 316 Brittanica Britta (brittekrüd) 283 Britsum 322, 639, 680, 681 Britzei 419 Broecke Hoekstra (A. ten) 369, 394, 397, 407—11, 505 Broeke's (ten 407, 411 Broek 27, 129 Brokmerlan 109, 115, 118 Brolsma (R.) 607, 685, 686. 693, 696, 705 Bronger 419 Brongersma (T.) 320—22 Bronswaan (de) 320 Brosjures (Fryske) 705 Brouwer (B.) 701 Brouwer (J. H.) 455, 701, 709 Brouwer (P.) 508 Brouwer (S.) 455, 474 Browne (Th.) 292 Brownisten 213 Brugge 9, 37, 461 Brugman (pater) 120, 298 Bruining (W. ij 573 Bruinsma (J. J.) 283 Bruinsma (Vitus dr.) 636—39 Brune en Bles (de) 432 Brune (J. de) 246 Brunner 208 Brunner (E.) 312 Brunner (H.) 511 Bruno (H.) 234 Bruno (saga fen) 21, 131, 546 Brunonen 57, 72, 120 Brunsveldt (S.) 234, 236, 247 Brunswijk 57, 131, 346 Brussel 129, 155 Buhske di Remmer 313—14 Buygers (G.) 193 Bullinger 159, 238 Buma (J.) 33 Bumabibliotheek 701 Burdego 56 Burdo (sjuch F. J. de Zee) 612, 682 Burg (J. L. v. d.) 604, 607 Burg (S. L. v. d.) 550, 604, 607,655, 707 Burger (C. P.) 511 Burger (D.) 58, 59 Burger 415 Burgh (J. v. d.) 233, 234, 272 Burkerij (de) 358 Burmania 344, 388 Burmania (D. v.) 154 Burmania (E. M. v.) 331, 340, 391 Burmania (Joh.) 193 Burmani (Jurjen) 192—197, 198 Burmania (Tsjaerdy 91 Burmania (U. v.) 107, 192, 206, 402 503 Bérmaniahüs 414 Burmaniasprekwirden 278 Burmaniastate 194 Burne 50 Bürreplicht 28 Burschenschaften 471 Burum 374 Burum (A. v.) 326 Burum (Fr. v.) 283 Busé (H. J.) 427 Bütenpost 334, 362 Bütenwiel 570 Büter (Fryske) 486 Büterfebriken (Fryske) 653 Büterhannel 651—54 Bütermeitsjen 651—54 Büterpriis 365, 652 Butjadingerlan 120, 123 Buurkund 117 Bijdragen (Taalk.) 391, 395 fcïijekoer 537, 542, 573, 574, 589, 654, 684 Bijns (A.) 410 Castellio 153 Catalogus (Gabbema-archyf) 285 Catechismus (Heidelb.) sjuch: K. 681 Cato 30 Cats (J.) 289, 290, 396, 429, 451, 569 Catullus 394 Cavour 448 Cellarius 278 Ceylon 621 Centuriae tres epistolarum 285 Chalmers 523 Chalmot (J. A. de) 194, 353 Chamberlayn 307 Chamisso(A. v.) 450 Charlotte (v. Bourbon) 160 Charterboek (Frysk) 126, 502 Charters (Fryske) sj. Oarkinde 63,128 Chassé 451 Cheyne (Mac.) 663 Cherub (kening fen) 119 Chevallier 570 Chiliasme 63, 161 China 448 Chrytraeus (D.) 182 Chochilaicus 48 Christiaen II (kening) 99 Christiaen VIII (kening) 522, 524 Christine (fen Sweden) 260, 290 Chronicle ballads 71 Cicero 236. 344, 389 Cilicië 37 Circksena's Cisterciënsers 97, 176 Claasen (P.) 322 Claeske (G) 162 Clant (J.) 160 Clant (M.) 606 Clarissa (roman) 335 Clarkson 450 Claudius (Matthias) 428, 432, 490 491 i Clemens (P. M.) 539 i Clement (K. J.) 479, 512, 521—27, 539 i Clercq (P. de) 521, 550, 610, 686 l Clipsrymkes 554 Cnossen (W. P.) 680 , Cobden (R.) 446, 447, 448 I Coccejus 441 ; Cock (G. H. de) 346 ) Codex argenteus 286 l Coebelius 148 j Coehoorn (M. fen) 247 I Coelibaet 57 5 Coenders 185. 320 I Coflinson (W. E.) 321 Caedmon 260, 411 Caesar 32 Callesen (dr.) 517 Camga 77 Cammingha 104, 215 CamminghaWytzes dr. (F.) 193 Cammingha (Hajo) 144 Cammingha (Herman Hajo) 99 Cammingha (Hidde) 11,97—123,132 135, 291 Cammingha (Piter) 91 Cammingha (Watse) 103 Cammingha (W. F.) 260 Cammingha (Wytze) 160 Camminghaprofesije 160 Campbell (F. A. G.) Hl Campen (J.) 646 Camper 441 Camper (A. G ) 442 Camphuysen 236, 243 Camphuysen (C.) 327 Camphuysen (D. R.) 327, 343, 396 Camstra 625 Canciani 206 Canga (Val.) 77 Canne (R. W.) 419, 420, 607, 612, 642, 644, 680, 682, 708 Cannegieter (H. G .) 644 Canning 446 Canterstate 557 Capellen (J. D. v. d.) 347, 350 Cappidus (Stavriensis) 188, 190 Cardone (Timbre de) 210,211,215 Carmen Jocoserium Carmina collecta 334 Carmina gratulatoria 340 Carsten 539 Cartesianisme 301, 302 Cartesius 441, 459 Casimir (greve Ernst) 188, 233, 234 Casimir (greve Hendrik) 302, 367 Caspers (E.) 701 Cassino (Monte) 45 Castelein (M. H.) "01 Colmjon (G.) 194, 272, 466, 478, 510, 542, 549, 550, 596, 603, 648, 649, 660 Columba (W.) 333, 342 Comenius (J. A.) 302 Concordaet 498 Conradi 387 Conrebberswei 39 Constanter 429—33, 444, 450—52 Coopmans 393 Corneille 263 Cornput (J. v. d.) 168 Corpus Juris 210, 211 Corstens (J. F.) 289, 292 Corvinus (J.) 488 Costerus (P. A.) 70 Coumans (L.) 317 Couperus (Joh.) 334 Couperus (Mollerus) 335 Couperus (P. Th.) 332 Crane (J. W. de) 273, 309, 349, 363, 401, 407, 428, 457 Credo 56, 116 Crotoaldus (V.) 154—155 Cruydtboeck 283 Cuba 450, 709 Cuperus (Sz.) 702 Cuvier 446 Dahn (F.) 30 Damiate 62, 131 Damwald 562, 570, 606, 610 Daniëlprof esij e 19 Dante 15, 122 Danteforearing yn Fryslan 564 Dantumadiel 564 Dathenus (P.) 257, 342 Daventreüs (H.) 247 David (Joris) 186 Deadslachte 118 Dearsum 704 Decker (J. de) 234 Deezbüll 410, 519 Dei (üs Fryske Ljeaf Frowa) 142 Deiboek (Frysk) 689 Deinum 196 Deïsterij 469 Dekama 39, 40 Dekama (H.) 125 Dekama (J.) 88 Dekama Juwsdr. (L.) 193 Dekenije (Boalserter) 118 Dekenga (A.) 702 Deketh (A.) 430, 432, 433, 435, 450, 451 Delbora (profesije fen) 75 Deloma (Alve), sjuch S. Jongema 704 Delprat (G. H. M.) 285 Demokraetsy . 393, 457, 459. 635 Denemarken 35, 68, 290, 518, 523 Denen (deadsfijannen fen 'e Friezen) 33, 48, 71, 72, 508, 512, 525, 652 De profundis 157 Dessel (T. v.) 332 Dethmar 541 Detlefsen (D.) 30 Deugden (Fryske) 228 Deugdenspoor 226 Deuntsjes (Fryske) 325 Deurhoff (W.) 302 Deventer (J. v.) 132, 151, 152, 158, 537 Dialekten (Fryske) 120, 148, 260, 262, 263, 266, 293, 295, 296, 297, 307, 308, 332, 353, 360, 361, 362, 380, 394, 424, 425, 427, 440, 455, 461, 466, 491, 507, 521, 539, 545, 549, 550, 582, 584, 606, 649, 708 Diaspora (Fryske 402, 580 Dichter (en Saga) 21 Dickens 244 Diggels 612 Dijk (D. v. 478, 678, 680 Dijk (H. v.) 680 Dijk J. v. 628 Dijk (R. v.) 579 Dykfrede 20 Dykstra (F. A.) 596 Dykstra "(G.) • 582, 607 Dykstra (J. K.) 702 Dykstra (J. W.) 702 Dykstra (K.) 702 Dykstra (Taco) 200 Dykstra (Tiede R.) 11, 25, 267, 270, 376, 432, 466, 491, 496, 526, 527— 550, 560, 600, 625, 646, 648, 688 Dykstra Sr. (Waling 73, 194, 270, 299, 428, 433, 543, 566, 568, 575, 579, 580—614, 621, 632, 634, 636, 647, 665, 668, 672, 683, 688, 695, 701, 702, 706, 707, 708 Dykstra Jsn. (Waling) 702 Dvkumbor 84 Dimter 144, 164, 274, 388, 458, 459, 464, 474, 702 Dionistria(hearen) 71, 119 Dirck (Symonssoan) 110 fHrks (J.) 72, 111, 309, 444 Discours (excellent de la vie et de la I E mort) 265 Dispetaesjefersen (Fryske) 323, 335 E Dithmarsen . ft, 82, 123, 131 E Divelteltsjes 535 L Divisy kronyk 21 E Doaijum 397 E Doarpsskearwinkel 508 I Doarpsminsken 597 E Doctrinale (Dietsche) 60 I Dodonaeus (R.) 283 Doemen (de 8) 117 U Doggersbank Doingaterp 110 I Dokkum 20, 44, 45, 62, 104, 109, 125, 1 131, 134, 151, 160, 176, 177, 224, 1 294, 295, 302, 320, 327, 342, 351, 1 362, 363, 366, 374, 467, 476, 489, 1 501, 537, 559, 565, 600, 601, 612, 1 680, 681, 702 Dokkum (L.) 607 Dokkumborg (S. v.) 334 Döle 144 Doma (P. v.) 284 Domela Nieuwenhuis 636, 637, 638, 662 Domeny's hifke 583 Dominikanen 146 Dominikanerkleaster 104, 110 Dongeradiel 160, 340, 608 Dongjum 396, 612 Donia (Epe en Keimpe) 164, 168 Donia (J. v.) sjuch J. Eringa 680 Doniawerstal 160, 326 Donnatus 152 Doodkorte (A. C.) 495, 710 Doop 682 Doopfonte 41, 144 Doopregister 26, 130 Doornkaat Coolman (ten) 310, 315 464 Doorninck (v.) 401 Dorestêd 35, 36, 58 Dorilis (en Cleonice) 264 Dornum 83 Dornumer profesije 83 Dorssen (H. A. v.) 702 Dostojewsky 685 Douma (Y-) 702 Douma (J.) 6°0 Dounsjen (Frysk) 314 Douwama (Jancko) 84, 86, 87, 92. 96, 124, 126, 432, 435, 436, 527 Douwe Beythyes 81 Douwe Hoytez 12° Drachten 536, 572, 608, 610, 612, 680, 681, 703, 710 Draek 20, 48, 70 Drama 175, 656—60 Drankstriid 671, 692, 703 Drechterlan 58 Driebergen (D.) 632 Driessen 405 Driesum 50,374, 375, 556—59, 571,621 Drylst 100, 294, 422, 423, 426, 608, 637, 675, 681 Drinkhoarn 81,285 Drint 621 Droegeham 342 Dronhöfnar 68, 69, 72 Dronningshóf 72 Dronryp 435, 629, 708 Drontheim 99 Drusius 214 Drusus 15, 32 Duco 196 Duerswald 572 Dugdale (W.) 259 Duikerius (J.) 395 Duins 236 Duisboarch 402 Dullaart (J.) 234 Dunegea 27, 552, 555 Duursma 614 Duustswengh H9 E i Eagum 317 ; Eal (Sint) 230 ) Eamelsmannen 701 > Eanjum 74, 104, 105, 109, 110, 134, j 135, 502, 671, 675 ) Earebyld fen E. Halbertsma 478 5 Earefrissel 607 Earepeinjes (Fryske) 363, 368, 372 1 Earestiennen fen 'e Halbèrtsma's 478 3 Easge 50 4 Easterein 132,703,704 3 Eastergoa 44,74,88,132,151,169 3 Easthim 238,396 2 Easterlittens 412, 423, 709 5 Eastermar 430, 615, 681, 688, 695, 2 697, 698 0 Easter-reide ■ 83 4 Eastersé 84, 709 1 East-Fryslan 21, 31, 105, 122, 123, 7 176, 182, 185, 186, 188, 191, 310 11 —15, 368, 369, 402, 407 16 Eastsé -5. 18 Eastséhannel 307, 651 Edda 16, 40, 49, 50, 499 Edelman (Fryske) 344 Edysje's fen Gysb. Japiks 263 Edikt (ivich) 173 Edikt (fen Nantes) 265 Edinboarch 523 Eduard V 58 Edzard (greve) 90, 91, 105, 122, 182, 184, 310 Edzard II 186, 311 Eebe Mertens 129 Eed (fen 'e bern ) 25 Eedformulieren (Fryske) 123 Eelke Meinderts .364—76 Eelko Isbrandi 166 Eekhoff (W.) 104, 110, 190, 213, 273, 285, 289, 291, 317, 350, 466, 478, 498, 505, 508, 510, 613, 647, 667 Egge (in Wynering) 243, 244, 250, 397 Egmond 58 Ehrentraut (H. G.) 471, 507, 539 Eiderpartij 524 Eidum 519 Eigennamen (Fryske) 135, 136, 157, 280, 392, 394, 604 Eyben (U. de) 312 Eydelshemius (S. F.) 251 Eylward 107 Eysinga (Aede v.) 160 Eysinga (Aeltie v.) 316 Eysinga (Frans v.) 316, 317 Eysinga (H. F.) 104 Eysinga (Humalda v.) 401, 610 Eysinga (T. A. M. A. Humalda fen) 702 Eysinga (luw v.) 160 Eysinga-Rinia v. Nauta (F. G.) 607 Eytzingh (W. H. ab) 193 Eikè fen Repgau 101, 102 Eilannen (Noardfryske) 30, 507, 522, 524, 527, 708 Einsbiittel 539 Eisinga (E.) 214, 337 Eisma (W. A.) 607 Eklipsen 175 Ekseküsje 133, 470 Elbertus 109 Elcoma (E.) 238 Elegy (Fryske) 625 Elektrides 15 Elgersma (F.) 283 Elgersma (G.) 607 Elselo (U. v ) 331 Eisinga (Joh.) 702 Elzevier 290 Eman 538 Emants (M.) 685 Emblemen 225—26, 232 Emden 11, 39, 74, 83, 104, 150, 153, 164, 180, 310, 402, 404 Emigraesje (Fryske), sjuch Diaspora 402, 580, 621, 622 Eminga's 74 Emisgoa 45 Emmerik 363 Emmius (Johan) 184 Emmius (Ubbo) 11, 21, 64, 105, 106, 109, 110, 152, 160, 175—191, 238, 296, 311, 392, 402, 404, 405 Emmius (Warner) 109 Emo 175, 190 Emsiger lanrjucht 114 Engel (J. J.) 360 Engelen (D. O.) 653 Enno (greve) 11 Ens (E.) 193 Enthens (Barthold) 164 Epemastate 475 Epkema (E.) 65, 237, 263, 269, 389, 394, 411, 439, 451, 464, 505 Epkema (N.) 369 Epyk 45, 46, 50 Epos 37, 47, 48, 65, 175, 233, 546 Erasmus 99, 140, 144, 153, 192, 280, 430 Eresboarch 44 Erfurt 187 Eringa (J.) 680 Eschatology 138 Eschenbach (Wolfram v.) 102 Esens 9, 61 Eswei 39, 40 Etymology (Fryske) 299 Eugenius IV (paus) 124 Eusebius 238 Euvelgönne 72 Evangeelje en Fryslan 647—48 Evangelisaesje 675 Everardus (Nicolai) 141 Everard (biskop) 118 Evertsz (U. A.) 433, 536 Ewa (= wet) 19, 117 Ewe (pastoar) 129 Expansy (Fryske) 32 Expansy (Hollanske) " 58 Ezonstêd 477 f ! Faber (W.) 550, 597, 601, 604, 607 1 Fabricius (D.) 9 I Fogel (C.) ' 174 I Falk (dr.) 517 1 Faroëreilannen Faust 539, 610 1 Feankleaster 284 1 Feanwalden 567, 653, 686, 707 1 Fearskip (Frysk) 327, 364 Feddersen (C.) 527, 539 ! Fedensma (J. H.) 320 Federitgoa 45 Feenstra (Yeb) H Feenstra (L.) sjuch J. H. Brouwer Feenstra (S.) 702 Fehr (H.) 102 Feinteforiening 681 Feith (O. H.) 105 Feith (R.) 366, 458 Feitsma (S. K.) 604, 613, 655 Feleor (Sjuch R. Oostra) Felkers (P. F.) 579 Feloma sjuch S. Feenstra 702 Fenelon 263 rennema (H.) 607, 612 Fennema (Y.) 322 Ferden 56 Ferguut 464 Ferwerd 27, 680 Ferwerda (A.) 334, 353 Ferwerda (P.) 351 Fêsteldagen 198 Festingbou 222 Fetkeapers 88 Fia-eth 52 Fichte 513 Filips II 132, 180, 265 Filology (Fryske) 120, 260, 292, 297, 391, 463, 532, 550, sjuch fierders: grammatica, idioticon, spraekleare Wirdboek ensfh. Filology (Germaenske) 286, 439, 456 461, sjuch fierders: Grimm, Rask, ensfh. Fij Lützen 663 Finlan 499 Finn 48 Frrmenich (1. M. ) 461 Fivelgoa 19, 45, 46, 107, 131, 152, 176, 224, 348, 682 Flagge (Fryske) 48 Flamingen 63, 100, 389 rFtensboarch 515 Fly 11, 44, 120 Flietstra (K. Y.) 607 Fltueswerp 119 Flok-ikkers 27 Flora Frisiaca 283 Florida 580 Klaerkamp 190 Floris V 58 Fluezen 21 Foardrachten (Fryske) 609—613, 680, —82, .701—10 Foardrager(s)ij 579, 596, 617 Foartsjirmjen 21 Fockens (B.) 467—69 Fockens (E. Ippius) 573 Fockens (L.) 488 Foelke (quade) 407 Foeke Sjoerds 335, 336, 342 Foeke Skutter 432 Foekje (alde) 358 Föhr 30, 514, 519, 520, 521, 527, 539, 686 Fokel Sippesdr (F.) Fóle (gleone) 21 Follegea 179, 327, 703, 706 Folkertsma (E.) 269, 550, 680, 681, 693, 696 Folkertsma (P.) 702 Foltsaerd (Frysk) 486 Foltsbidriuwen 28 Folksblêd (Frysk) 634—37, 640, 642 Foftsboeken 229, 368, 371, 395, 396 Foltsdicht 471 Foltseigenens (Fryske) 246, 397, 389 406' Foltsforhalen (Fryske) 601, 602 Foltsforhuzing 30, 32, 523 Foltsfrieun (de) 606 Folsgeare 610 Foltsgeast (Fryske), 101, 486, 487, 489, 490, 499, 540, 706 Foltskinde (Fryske) 16—31, 191, 298, 335, 506, 507, 535, 600, 682, 685 Foltslibben (Frysk) 370—73, 589, 590, 592, 593, 600, 601—603, 605, 671, 681, 704 i Foltsmeldijen 243 i Foltspartij (Fryske) 637—640 I Foltsplantingen (Fryske 433, sjuch: Diaspora en emigraesje , Folfspoëzije 50 Foltsrjuchten 208 I Foltssang 368 ) Foltssangen (Fryske) 705 5 Foltssiele 469, 546 Foltsskriuwerij 3371 Foltssünden 566 Foltstael 177, 234, 300, 309, 411, 449 Foltsteltsjes 517 Foltstoaniel 596, 597 Foltsüntjowing 175 Foltswaerkinde 229—30 Foltswêzen (Fryske) 506 Fons (W.) 26 Fontein (D.) 412 Fontein (F.) 412 Fonteyne (Claude) 234, 236, 247, 250, 251, 259, 264 Fordraechsumens 346,487 Forfryskingen 139, 238, 247, 643, 644 Forhalen (Fryske) 591, 592 Forhollannering fen W. Fryslan 58 Forjit my net 567, 701—10 Forljochting 368, 551, 559 Fortelkinst 622, 623, 710 Formaesje fen Eastfryslan 122 Forteman 61, sjuch Magnus Formeliertwang 493 Fortuyn 637, 639, 662 Fortuna 1° Fosite(lan) 35 Foury (J.) 435 Frana °o Franck (Sebastian) 140, 141, 192 Frankena (Abel) 168, 238 Frankena (H. J.) 702 Franklin (B.) 368 Fransen 449 Franske tiid 405, 651 Freark Barbarossa 37 Freark (biskop) 97 Freark de Greate 404 Freark Hindrik (steedhalder) 160, 234 Freark VII 524 Fiedewolt 107 Freebea fen Gysb. J. 269 Freya 41, 653 Freyr 546 Frenssen (G.) 643, 696, 710 Frentsjer 11, 20, 25, 26, 39, 55, 75, 77 89, 110, 119, 125, 127, 160, 161, 166, 170, 181, 186, 192, 195, 199, 203, 207, 212, 215, 222, 224, 234, 259, 295, 320, 322, 323, 324, 328, 337, 338, 339, 347, 349, 368, 379, 389, 392, 396, 398, 407, 412, 422 423, 428, 432, 440, 442, 457, 487, 503, 530, 534, 544, 573, 588, 607, 608, 612, 630, 634, 642, 646, 701, 703 Frentsjeradiel 160, 397, 612 Frentsjerter tradysjes 513 Fresco's' 55, 56 Fresonia 9, 10 Fretheric (abt) 50, 107 Friedlaender (E.) 476 Friens 476, 485, 556, 608 Friezefjild 48 Friezendagen 514, 519, 524, 674, 680, 681, 707 Friezen (to Rome) 16, 51, 61, 111, 112, 116, 124 Friezen as Semiten f8 Friezen yn Spanje 131 Friezendom 470, 672, 673 Friezentsjerke 61, 72, 124, 141 Frijdom (Fryske) 42, 61, 94, 105, 122, 162, 181, 421 Frijheidsfane 69 Frijerij 246 Frijheidskriich (tsjin Spanje) 174, 179, 233, 402 Frij korpsen 368, 468 Frijmitselarije 511, 564 Frysk (yn 1600) 200 Frysk-amptlik 125, 132, 279, 307, 342 Frysk-journalistysk 640, 646, 705 Frysk-kultureel 189, 391 Frysk-nasjonael 173, 340, 546, 606, 672, 677, 696 Frysk en de Mennisten 334, 335, 358, 359, 362, 377, 422, 551 Frysk en Nederlinsk 439 Frysk en Orthodoksy 671 Frysk en Reformaesje 200 Frysk en stêd 320 Frysk en Tsjerke 342, 669, 670 Fryske heide 710 Fryske ienfald 368 Fryske lünsdouwe 557 Fryske striid 668—75, 680, 699, 704 Fryske tins 531 Frisia 699-710 Frisia nobils 11,325,331 Frisiasme 407 Frisiavones 17 Friso 21, 131. 151, 187, 227, 546, 589 Friso (lohan Willem) 279, 329, 387 Friso (W. C. H.) 329, 332 Frittema 75 Froma (T.) 224 Fronagast 93 Froneker 17, 35, 36 Froubürren . 394, 582, 583 Frouwe (Us Fryske Ljeaf) 92 Fügels (Fryske) 709 I £ Fulda 498, 20o K Fungeri (J.) 202 t Furmerius (B.) 11, 38, 187, 190, 207, ( 296 6 ! Gabba Sipkesz 126 ( Gabbema (A. F.) 274 ( • Gabbema (S.) 65, 66, 107, 109, 130, < 146, 234, 236, 247, 253, 257, 259, < 266, 267, 269, 273—287, 296, 304, < ' 391, 392, 394, 439 1 Gabbema-archyf 70, 275, 285. < Gabe /f I57 1 Gabe fen Grouergea 66 tf 468- Gabe Skroar 469, 475, 476, Gabelentz (H. v. d.) 445 Gabinus 157 Gaest 362, 680 Gaesterlan 78, 63 Gaestmar 608, «80 Gaestmar (J. fen 'e), sjuch J. Hof Galama (H.) 234, 246, 247 Galama (I.) 78 Galama (J. fen) 238 Galama (S.) 164 Galen B. v.) 227 Galgefjild 324 Gangariden 546 Gansen I7' Gardingïus (S.) 487 Garyp 127, 615 Garrelsweer ('2 Garribaldi 448 Garsthuzen 75 Gartner (C. G.) 206 Gastböd (Frysk) 372—73 Gasthüs (St. Antony) 475, 510 Gaupp (E. Th.) 206 Gauw 356 Gearspraken (Fryske) 198, 199, 203, 219, 259, 329, 379, 380, 431 Gaestmerfjild 27 Geata's 48 Geawei 27 Gebeden (Fryske) 157, 286 Gebet (Frysk) 670, 671 Geboaden (Tsjien) 114, 115 Geer (de) 175. 206 Geersma (I. v.) 282 Geertsma (O. F.) 703 Geertsma (S.) 703 Geest (W. de) 240 ieestdorp (H.) 234 ieestdorp (P.) 247 ieyer (E. G.) 534, 550 ieilkercken (v.) 214 Jeldersken 92 Jelegenheidspoëzije 378—79 Jellius Boëthius 278 Jellius Horreus 308 Jellius Snecanus 440 jelokjouwinge 329 jemeinfreien 72 Jemma Frisius -.\ 142, 147, 151 Jemmen 16 jenardera-Cloester 127 jenealogy 192 □enestet (de) 566, 622 □enève 159, 160, 162, 170, 171, 174, 182, 198, 228, 655 Genius fen Fryslan 172 Genoatskip de propaganda fide 296 Genoatskip (Frysk) 327, 351, 398, 419, 420, 429, 432—35, 444, 463, 469, 503, 509, 535, 666 Gent 157 Genum 27 Geografy fen Fryslan 132, 175 Geology fen Fryslan 175, 701 George fen Saksen 89, 92 Georgica 229 Georgisch (P.) 206 Gerben Goasses (sjuch T. Holtrop) 608 Gerbranda (D.) 104 Gerdes (E.) 647, 650 Gerdyk 577, 608, 613, 701, 710 Gerhardt (P-) 513 Germanen 17, 18, 30 Germanendom 17, 23> 480, 490, 521, 523 537 559 Germaenske filology 291, 409—10, 462, 463 Germania 16 Germanicus 23 Gerren 27 Gersleat 572, 642 Gerthrude 5° Gesner (H.) 279 Gesta Fresonum 62, 65, 66, 70, 131 Geuns (M. v.) 377 Geuzen 152, 162, 164, 173, 343, 463, 657—660 Gezelle (Guido 389 Ghemmenich (P. v.) 324—25 Gibbon 490 1 Giersweal 210 Gieteren 709 Gietsjerk 701 Gylstra (J.) 607 Gysbert Japiks 130, 190, 195,200,202, 210 211, 221, 224, 232, 237, 244, 269, 273, 275, 282, 296, 316, 336, 337, 343, 351, 365, 367, 381, 386, 388, 389, 391, 392—398, 408, 410, 411, 413, 414, 423, 425, 426, 428, 432, 433, 439, 451, 457, 458, 472, 478, 505, 514, 546, 625, 626, 631, 642, 655, 656, 663, 666, 672, 681, 703 Gilden 62, 285 Glossen 49 Goch 363 Qodsfrjeon 244, 250, 397 Goënga 153 Goes (v. d.) 639 Goesekoersterhim 27 Goethe 21, 539 Göttingen 152 Goffridus a Doingaterp 110 Gogol 21 Ooltzius (D.) 297 Goot (H. G. v. d.) 703 Goslinga (P. v.) 199 Gosses (I. H.) 72 Goten 17, 18, 97, 286 Gotysk 260, 286, 409 Gotlan 16 Goutum 148, 270, 271, 702 Gouverneur (J. J.) 479 Groetenis(formule) 28,283 Grammatica (Fryske) 130, 237, 238, 260—62, 297, 310, 315, 432, 438, 439, 500, 539, 542, 544, 545, 550 605, 608, 610, 649, 708 Granvelle 149, 156, 187 Grattius 290 Great-Friezendom 471, 518, 542 Greetsyl 176, 182 Grêfdichten 11 Grêfskriften 26, 30 Gregorius 45 Greida (A.) sjuch D. Kalma Greidekultuer (Fryske) 707 Greidema (F.) sjuch A. M. Wybenga Greven fen Fryslan 115 Gritenij en 56, 132 Griethuysen (S. v.) 233, 234, 236, 251, 272, 282 Griffemeard wêzen 184, 371, 584, 669, 678 Gryph (A.) 150 Grytman 56, 408 Grytmansfers 477 Grytmannetiid 364, 365 Grimm (broerren 405, 439, 440, 453, 456, 461, 499, 500, 501, 539, 566 Grios(lan) 55, 88, 122, 125, 135, 164, 168, 176, 186, 188, 236, 274, 283, 315, 320, 327, 348, 403, 429, 440, 450, 466, 489, 496, 682 Grimersum 176 Grimoald 35 Grinzen fen Fryslan 151, 222 Groen v. Prinsterer 148, 172, 628, 656 Oroenja (H.) 358, 361, 363, 366 Grombach (M.) 344 Gronenberch 68, 69, 72 Qronovius (J. F.) 290, 291 Groot (H. de) 234 Groot (J.) 427 Groth (Klaus) 476 Grou 118, 283, 428, 432, 454, 455, 464, 471, 472, 475, 477, 551, 552, 558, • 569, 579, 603, 607, 612, 655, 664, 706, 707 Grounbisit 654' jOrovestins (F. v.) 329, 331, 333 Grovestins (I. v.) 250 H Haaf ner 621 Haagsma (S.) 667 Haagsma (T. G.) 528 Haan (Montze de) 496 Haarings (M.) 240 Haas (W. de) 702 Haddingaland 131 Hadrianus 17 Haech 135, 168, 488 Haedelreland 123 Haeringa (H. E.) 248 Haerlim 110,334,408,466,681 i Haerlimmermearboek 59 Haersma (D.) 362 Haersma (|.) 378 Haersma (C. M. v. 379 Haersolte (F. v.) 331 Hagepreken (Fryske) 709 Hager (H.) 607 Hahn (A.) 706 Haytse-Yem 236 Hajonides (N.) 247 Hakens 39 Halbèrtsma's 490, 541, 551, 566, 618, 626, 630, 649, 656, 682 Halbertsma (D. J.) 569 1 Halbertsma (E.) 271, 454, 455, 465, 466—79, 492, 600, 625, 707 I Halbertsma (H.) 454 1 Halbertsma (J. H.) 21, 23, 193, 194, 1 205, 229, 237, 259, 262, 271, 272, ] 273, 315, 318, 325, 326, 358, 379, ] 388, 397, 409, 411, 412, 414, 420, I 433, 450, 453—66, 469, 470, 473, ! 475, 482, 489, 494, 500, 502, 503, 627, 633 Halbersma (Tj.) 357, 432, 454, 465, 470, 471, 480—86, 566 Halbertsma (pref. Tj.) 604 Halbertsma (T. E.) 604, 607, 655 Halle 402 Hallema (A.) 190, 191, 221, 613, 703 Halligen 30, 521, 527 Hallingen (hjeldagen) 128 Hallum 27, 49, 50, 175, 356, 357, 385 484, 610, 612, 647 710 Halluntium 225 Halma (F.) 301 Halma (P. S.) 703 Halmaël (A. v.) 11, 95, 96, 429, 430, 432, 450, 451, 498, 503, 508 Halsema (D. F. J. v.) 107, 109, 175, 348, 392, 403 Halsrjucht 470 Hamboarch 71, 311, 525 Hamconius (M.) 11, 12, 21, 38, 78, 179, 187, 190, 296, 310 Hamlet 95, 608 Hammerstene 131 Hammes (Th.) 704 Hanekuik (H.) 423 Hania (I.) 144 Hania (T.) 144 Haniastate 364 Hanka 450 Hannel (Fryske) 63, 3Ó7 Hanse (tu'd> 49, 62, 135, 407 Hansen (J. P.) 515 Hansen Sr. en Jr. 512—520, 521 Hansma (D.) 534, 600, 601, 608 Hansma (J.) 323 Hantum 130 Hantumhuzen 129 Harden (saun) 519 Hardenbroek (G. I. v.) 350 Harder (De Getrouwe) 247 Hardersdicht 216, 242, 243, 377 Haren (v.) 331, 369, 374, 408, 462, 464, 546 Hindi 346 laringhouck (S. v ) 140. 141, 245, 247, 269, 272, 394 farinxma 75 larinxma (B.) 127 larinxma (J.) 81 lark ris Piter 663 larlingerlan 311 -larmen-Sytstraboek 708 ■larmens (D.) 653 rlarms (Claus) 523 Harns 21, 89, 100, 104, 132, 172, 224, 234, 246, 247, 322, 335, 350, 360, 377, 378, 407, 423, 426, 440, 573, 574, 583, 608, 623, 634, 651, 653, 703, 706 Harplüd (Himelsk) 254 Harpspylder 47, 202 Harrebomee (P. J.) 193, 195 Hartstra (B. H.) 703 Hart werd 234 Hasker Konvent 126, 127 Haskerlan 126, 334 Hasselt 168, 203 Hastings 376 Haule 571 Haulerwyk 571, 575 Havamol 57 Healbeam 27 Heap (Swarte) 95, 142 Hearban 56 Hearfane H7 Hearenfean 288, 536, 572, 651, 661, 709 Hearferd 115 Hearfrede 20 Hea-róljen 325 Hebei 453, 466, 471, 472 Heek (Ph.) 52,72,208 Heech 358, 613, 662, 665, 672, 681 Heechdütsk 310 Heechliet fen Salomo, 98, 282 Heechtiden (nasjonale)^ 316 Heechwald 58 Heemstra 344 Heemstra (F. v.) 87 Heemstra (H. L. v.) 366, 444 Heemstra (R. v.) 87 Heer (M. de) Heeres (Aaf) 432 Heeres (J. E.) 131 Heeringa (L.) 604 Heerlen 456 Heerma v. Vos (A. L.) 478 Heerts (B.) 360 Hef 56 Hegebeintum 14 Hegelingen 37 Heger-mar 508 Heidelberch 470, 522, 574 Heidendom (Oermaensk) 20 Heyckens (F. A.) 507 Heyden (G. v. d. ) 151 Heyermans 642, 644 Heyko (abt) 107 Heihrtgen (Fryske) 480, 481 Heimrich (A.) 514, 515 Heimskringla 57 Heins (Z.) 395 Heinsen (C. G.) 539 Heinsius (N.) 290 Heitelan (It) wykblêd 698, 700—710 Hekstra (D.) 703 Heldt (B. H.) 634, 636, 637, 662, 664, 665 Helgolan 15, 30, 35, 36, 42, 507, 527, 546, 550 Heliand 49 Hellema (D. W.) 394 Hellenbroek 488 Hellinga (C. P.) 478 Helmstad 499 Heiten (W. L. v.) 310, 315, 550 Heltedicht 47, 50 Heltesaga 43 fielwerd 45 Hem (A. v. d.) 703 Hem (P. v. d.) 608 Hemelum 146 Hemmema's 257 Hemrik 572 Hemsterhuis 308, 441 Hengzemaschar 129 Heorot 48 Hepkema (].) 194, 195, 197, 221, 272, 358, 478, 579, 604, 608, 654, 656, 661, 663, 664, 686 Hera 90 Heraldyk 193 Herbajum 27 Herbell (J. F. M.) 349, 392 Herberch (Fryske) 325, 614, 616 Herder 402, 453, 469, 499 Herder (T.) 703 Herder (Fryske) 250 Heremahüs 269 Heringa (A.) 349 Heringa (J.) 342 Herjuwsma (J.) 91 Herman de Cherusker 71 Hermana (state) 75, 196, 537 Herna (grime) 146, 142 Hernhutters 198 Herodotus 239 Herold (J.) 205 Hertha 482 Hertje 83, 526 Hertspieghel 226 Herwig 48 Hessel (F.) 537 Hesselink 456 Hettel 37 Hettema (M. de Haan) 11, 93, 107, 110, 206, 262, 272, 329, 333, 350 433, 439, 456, 464, 491, 494, 495 —511 Hettema (F. Buitenrust) 31, 72, 110, 111, 221, 227, 272, 401, 443, 466, 505, 511, 550, 604, 608, 611, 613, 624, 632, 655 Hettinga (T. A.) 709 Hettinga (Tewes) 681 Hettinga (T. v.) 166 Heuiter (P. de) 234 Hewett 549, 550 Hezelingamannen 50 Hiaure (sjuch: Lytse Jouwer) Hichtum 199 Hichtum (N. v.) 655, 701 Hidde Feykes 362 Hiddema (G. v.) 276 Hiddema (O. A.) 703 Hiddema (Tj.) 703 Hiemstra (Ael) 95 Hieslingha 78 Hybernia 68 Hylkema (B. S.) 608 Hylkema (S. H.) 608, 642, 644 Hylke Sjonger, sjuch: B. R. Pollema 687, 707 Hynljippen 28, 132, 263, 285, 293—95, 297, 307, 332, 360, 361, 363, 463, 465,, 607, 651, 667, 681, 708 Hynsteriders (Fryske) 17 Hilaerd 681, 696 Hilarides (J.) 11. 190, 255, 278, 293 —309, 316, 394, Hilbert 26 Hildegaersberch (W. v.) 60 Hilde oan 'e Fr. sprekkers 596 Hilderia 131 Hildesaga 37, 48 Hilgenforearing 137, 138 Hiljuwnsuwren 415, 432 Hillegersberch 257 Hilligerlie 658, 659 Himdyk 95 Himrik-ein 27 Himrik-wei l'8 Hindrik v. Navarre 265 Hingelkaerten (Fryske) 686 Hingest 212 Hinnaerderdiel 160, 386, 423 Hippokrates 278 Hirddraverij 623 Hirdriden Hirdegaryp 334, 571, 607 Hirdsilen 361, 363, 368, 612, 623 Hirdsté (doemjen fen it) 117 His (R.) 52, 72 Hispania . 131 Hiteum 607 Hludana 16 Hnaf 48 Hoanneboek 455 Hoara's fen Hastings 376 Hoche (J. G.) 507 Hochenzie Högelke (M.) 166 Hoekema (J. I.) 457 Hoekstra (A. P.) 362 Hoekstra (H.) 655 Hoekstra (J. W.) 645, 646 Hoekstra (W. D.) 551 Hölty 415 Hoen (H.) 642—44 Hoeufft (J. H.) 289 Hof (J. J.) 478, 511, 542, 604, 608, 613, 632, 644, 686, 694, 701, 705, 707, 708 Hóf fen Fryslan) 133, 153, 160, .162, 166, 167 Hóffrede 20 Hogendorp (G. K. v.) 487 Hogerhuissaek 639 Hohenstaufen 37 Hoynck v. Papendrecht 146 Hoitsma (J. C.) 583 Holda 16 Holder (De) 269, 330, 386, 681, 701, 709, 701—10 Holdinga (B. v.) 104—106, 110, 111 Holdinga (F. v.) 105 Holdinga (W. v.) 150 Holdingastate 74 H olmersan 83 Holstein 105, 527, (sjuch fierders: Sleeswyk Holsten 71 Holtkamp (F.) 360, 422, 474 Holtrop (T.) 608, 644 Holwarda 11 Holwerd 364, 407, 410, 428, 580, 582, 588, 608, 703 Holwerda (J. H.) 14 Homerus 239, 344, 388 Hommema (R. H.) 474 Hommert 600, 647, 680 Hondius 236 Hongerskar 27 Honingbye (De) 334 Hooch (J.) 224 Hooft (P. C.) 233, 234, 236, 241, 243, 257, 272, 275, 299, 389, 429, 450 Hoogeveen (D. M.) 703 Hoogland (P.) 608 Hoogland (S.) 703 Hoogslag (J. N. D.) 703 Hoogvliet (A.) 370 Hoop (D. de) 468 Hopper (J.) 38, 142, 146, 148—150, 155, 187, 285, 286, 505 Horatius 99, 139, 236, 239, 432, 506, 583 Hornstra (B.) 686 Hornstra (J.) 608 Hornstra (R.) 703 Horst (Freiherr v. d.) 507 jHottingha l96 Houkes (S.) 703 Houlik 117, 118, 177, 198, 246 (sjuch fierders: Boask-fersen Housesteads 17 Houtenbonk 25 Houtsnijkinst (Fryske)- 701—10 Houwaert (J. B.) 220 Hoxwier (H.) ■ 144, 146, 147, 151 Hrodgar 48 Huber (U.) 441 Hugenoaten 2oo Hugmerchi 45 Huygens (C.) 233, 234, 236, 243, 271, 389 396, 410, 429, 450, 451, 560 Huismans (S.) 269, 666, 667, 668— 682 Huizinga (A. J.) 634 Huizinga (H.) 587 Hulde aan Gysb. Jap. 237 Humalda (I. Aebinga v.) sjuch: Aebin- ga 252, 350, 368, 388, 414, 415, 431 Humanisme (yn Fryslan) 98, 123, 144, 156, 182, 233, 280, 291, 493, 673 Humboldt (A. v.) 446 Humor 454 220 151 48 441 265 45 271, 560 269, 666, 667, 668— 634 587 237 Aebin- Hundius 392 Hundulet (H.) 193 Hunebedden 320, 501 Hunibald 151 Huns 533, 702 Hunsingoa 45, 46, 51, 98, 114, 348, 502, 682 Hüs en Hiem (for) 607, 655 Hüsfrede 20 Hüsfrjeun (de Fryske) 585 Hüsfrieund (de Friske) 589 Huslaga 116 Hüslotha 56 Hüslök 26 Huzum 603, 606, 609, 610, 611, 675, 701 I Ibsen 642 Idaerd 332, 569 Idaerderdiel 162,485 Idealisme 673 Iddekinge (Hooft v.) 72 Idioticon (Frysk) 392—93, 510 Ids (sjuch G. Postma) 610 Iduna 30, 526, 534, 535, 539, 542, 574, 600, 618 Idunisten 541 Idunastavering 567 Idzaerda (B.) 164 Idzardus (N.) 132, 152 Iedema 644 Iedswaran 118 Iems 118 Iems 69 Iemsgoa 109, 118 lens 386, 394 ,423 Iestrum 27 Ydema (E.) 710 Ygo 26 Yndieling fen 'e Fryske skiednis 12"4 Yndustry 447 Ynfloed fen it Fryske klimaet 222 Ynfloed fen it Hollansk 683 Ynfloed fen 'e Reformaesje 198 Ynketiering (Franske) 614 Ynkomst fen 'e grytman 364 Ynkwisysje 162 Ynstremintmakkers 368 Yntje Jans 83 Yn üs eigen Tael 674, 698, 681 Ynwijjingsfers (Frysk) 334 Yowa 621 Ypey 368, 411 Ypey (Klaesj 334 Ypma (M.)) 422, 423 Ypma (S.) 328, 422 Ysbrant (Males) 81 Ysbrechtum 199, 396, 475 Yslan 290, 499 Ikkerwald 27, 544 Imitatio Christi 681 Imperialisme (fen Grins) 88 Imperialisme (fen Hollan) 300, 675, 678, 680 Imperium (Frysk) 63 Indogermanen 18, 30 In en Kniphuzen (greve fen) 107 Ingelan 17, 289, 512, 651 Ingelsk en Frysk 433 Ingelske en Fryske skriftekennisse 490, 491 Ingen (J. v.) 135 Inglum 132, 324, 426 Ingolstêd . 146, 151 Ingram 460 Ingwierrum 708 Inkhuzen 89 Inthiema 215 Ipekolsgea 476 Irminpylder 44 Isbrandi (E.) 166, 168, 170 Iselgoa 428 Israël (sinding ünder) 671 Italië 448 Italjaensk 702 Itens 199, 247, 645 J Jaap Krelissen 384 Jaarsma (H.) 703 Jachtformeits 325, 335 Jacobinertsjerke 172 Jacobs (E.) 238 Jacobs (J.) 238 Jacobs (S.) 521 Jaekel (H.) 42, 72 Jacques d' Auchy 162 Jager (P. 616 Jager (de) 309 Jahde 11 Jan II 85 Jan Binries 375 Jan Gerlofs 331 Jan (v. Leiden) 146 Jansen (Jacob) 703 Jansen (Joh.) 666 Jansen (P.) 703 Jansen (W. G. T.) 703 . Jansma (H.) 703 . Janua linguarum 302 . Janzen 608, 613 . Japik Femmis 126 j Japiks (Gysbert) sjuch Gysbert J. Japik (St.) 533, 583, 704, 710 . Japiks (W.) sjuch J. Winkelman 710 Jarfke 82, 84 Jarig Ryklès 433 Jas (de alde) 613 Java 580 Jedden (lange) 27 Jelgerhuis (R.) 334 JeUinghaus (H.) 343 JeUum 98, 609 Jelmer 317 Jelsum 29, 607 Jeltema (A.) 353, 363, 387 Jeltesleat 129 Jeltinga (T. v.) 284 Jena 549 Jentink (G. C.) 634 Jepkema (G.) 608, 629 Jeroense (J.) 319 Jeropeeske letterkinde 449 Jever (lan) 151, 471, 507, 707 Jierboekje (Friesch) 389, 433, 434, 452 Jierboekje for Katholieken (1834) 498 Jiffers (wite) 21 Jildou 26 Jildstimper (de) 597 Jirnsum 125, 612, 640, 703 Joaden (dom) 198, 484, 682 Johan (greve) 186 Johan (hertoch) 72 Johan fen Hichtum 199 Johannes Marcus 109 Johannes Meinderts 375 Johannes pater 125 Johansen (Chr.) 539 Johnson 461 Jolle (nijzgierige) 236, 243, 244, 272, 394 Jonckbloet (A.) 456 Jong (A. L. de) 579 Jong (G. de) 704 Jong (H. de) 575 jong (H. H. de) 704 Jong (J. de) 377, 488 Jong (J. L. de) 704 Jong (K. E. de) 704 Jong Hzn. (M. de) 350 Jong (P. de) 704 Bodders yn 'e Fryske Striid ong (S. D. de) 608, bi», VU4 Dng (W. de) 583 ong-Bijl (G. de) 701 ongama (Aedo) 80, 85—96, 430 ongama (Duco v.) 160 ongama (Goslick) 81 ongama (K.) 82 ongama (W.) 81 ongema (A.) sjuch M. Bottema 697 ongetna (S.) 704 ongfeinteforienings 28, 681 ongfryske Biweging 687—710 ong Fryslan 701, 710 ongfryske Mienswp 687 ongfryske Lyryk 699 iongfrysk Toaniel 701—710 longs (J. F.) 534 longstal (G.) 160 longstal (S. v.) 247, 351 lonkerboer 477, 478 lordens (J.) 377, 378 • lorwerd 706 josephus (Flavius) 238 jouke (master) 432, 557 ouke Rommerts Scriften 583 jounbea 239, 269, 703 Journaal van een slimmen togte 332 ousma (A.) 704 jousma (D.) 129 Jousma (J.) 196 Jousmastate 317 Joustra (A. H.) 535 Jouwer (de) 247, 385, 553, 609, 611, 612, 661, 681, 707 Jouwer (lytse) 340, 335, 342 Jubbegea 572, 608 luckema (E.) 168 Julius . 13 jummers (H.) ó}f juniana 107, 195, 203, 219, 259, 261, 263 270, 272, 291, 396, 410, 505 junius (Fr.) 66, 107, 109, 229, 247, 256—61, 286, 291, 292, 311, 411 jurisprudentie (Frisica) 107, .503 'Jurres (H.) 704 Jus municipale Justinianus 13, 100 Jutryp 680 Juvenalis 1 Jy K Kaastra-Bakker (1.) 642, 644 Kabinet fen aldheden 463, 464 Kaert fen W. Romeinsk ryk 104 46 Kaerten fen Fryslan 9, 10, 27, 132, 151, 152, 158, 182, 296 Kalahey 39, 77, 78, sjuch Keallehei Kalff (G.) 272 Kalinder 223 Kalma (D.) 270, 271, 550, 644, 650, 680, 682, 687—699, 702, 704—706, 708—710 Kalvyn 146, 154, 159, 163, 173, 182, 238, 257, 377, 655, 656 Kalvinisme 146, 159, 161, 172, 173, 180, 182, 186, 187, 198, 238, 254 —56, 259, 346, 488, 495, 552, 584, 654—55, 668—69, 680, 696 Kamerling (G.) 667, 672, 678—681 Kamminga (Hero) sjuch Kalma Kamminga (Klaes) 486 Kamp fen 'e jiertiden 25 Kampen 134, 135, 195, 477 Kampen (Fryske) 701—10 Kampsangen (Fryske) 702 Kanselarij e 443, 464, 558 Kanselarij (frysk) 200 Kant 351 Kantele 499 Karakter (Frysk) 72, 490, 521, sjuch fierder: Frysk aerd Karamsin 449 Karei fen Gelre 162 Karei (Kening) 20 Karei Martel 36, 37, 44 Karei de Greate 37, 39, 44, 45, 51, 55, 56, 71, 109, 111, 116, 120, 135 Karei II 290 Karei V 92, 124, 129, 135, 142, 146, 156, 162, 180 Karel-Redbadsage 39 Karlêzings (Fryske) 705 Karolingen 50, 508 Kastlein (J.) 600 Kate (Lambert ten) 309, 392 Katechismus fen Genève 162 Katechismus (Heidelb.) 280 sjuch: Catechismus Katechismus fen 'e leare der Wierheit 572, 573, 575 Kater (B.) 75 Katholiken 497, 511, sjuch: Roomsken Katholisearring 453 Katlyk 572 Katz (S.) 636 Kazufel 57 Keallehei 39, sjuch: Kalahey Keaphannel (Fryske) 49, 72, sjuch: hannel Keaphannel fen 'e Germanen 72 Keapmansgilde (Frysk) 49 Keatsen 692 Kedingland 131 Kees fen Langsweagen 704, sjuch: K. E. de Jong Keyert (E.) 379 Keimpe 50 Keimpe Roeper 90 Keitum 515, 517, 518, 519, 521 Keizer (Frysk) 75 Kellinghausen 539 Kelten 18, 523 Kempius (C.) 11, 176, 310 Kemp (Jac.) 317 Keningsf erd 117 Keren (saun) 20 Kerkhof (L.) 706 Kerstendom 20, 113, 513, 666, 678, 705 Kerstenleauwe 34, 39 Kerstening 9, 35, 36, 41, 44, 70, 116, 508 Kesten (sauntjin) 20, 116 Keulen 36, 86, 99, 166, 110, 11, 152, 153, 165, 187, 276 Keulen (G.) 706 Kiel 522, 524, 525, 549 Kiemstra (R.) 806 Kijffhauser 37 Kyll (F. M.) 224 Kylstra (H.) 608 Kiliaen 234, 461 Kipedo reauwe bjuester 241, 389 Kingma (B.) 378 Kingma (G.) 708 Kingma (J.) 318 Kingma (T.) 412 Kinhem 58 Kinkhóarn 23 Kinsbergen 458 Kinstfrysk 140, 705 Kinsthistoarje 176 Klaasesz (J.) 608, 706 Klaeijing (Fryske) 28, 63, 177, sjuch fierders Kostüm Klankboarne 608 Klanklear (Fryske) 261 Klassicisme 243, 291 Klassiken (Fryske) 237 Kleasters (Fryske) 81, 132, 177, 402 Kleasterkroniiten (Fryske) 123, 150, 175, 190 Kleef 363 Kleefstra (J.) 706 Kleerkooper (M. M.) 212, 213, 221 Kleilietkes (Fryske) 587—588, sjuch fierders: Elegy Kleist (v.) 415, 423 Klepperhoutsjes 26 Klynsma (A. E.) 706 Klioos Kraam 234, 247, 273, 277 Klipskyld 56, 116 Kloeke (O. G.) 466 Klok (De) 613 Kloosterman (J. R ) 375, 376, 693 Kloosterman (S.) 375, 376, 519, 520, 685, 696, 705, 710 Klopp (O.) 188 Klopstock 4U2 Klucht v. d. Bedroogen Smid 317 Klucht (Fryske) 610, 661 Knappert (J.) 343 Knipe (de) 572, 573 Knijff (E. W.) 224 Knijff (J.) 176 Knijff (P.) 233 Knippelspreukjes (Fryske) 298 Knottedoek 28, 246 Koai (Alde) 27 Koalsiedbou 397 Koarnjum 161, 709 Koarsangen (Fryske) 680, 700—10 Koarsjongers 129 Koartdicht 566 Kodex Aysma 107 Kodex (Hunsingoaer 109 Kodex Roorda 108, sjuch fierders Lanrjuchten Kodifikaesje fen it Dütske rjucht 101 Kodifikaesje fen it Fryske rjucht 101 Koelstra (G.) 70f Koenraed 11 (keizer) 9, llf Koevorden 16fj Kofjedrinkerij (Fryske) 59; Koldyk (M.) 60? Koldyk (S.) 655, 667, 701 Kolk (v. d.) 48< Kolleezje yn Frysk 280, 389—91, sjucl fierders. Fr. Learstoel Kollum 233, 365, 366, 373, 374, 541 652 Kollumerlan 376, 47' Kolonisaesje 521, sjuch. diaspora, emi graesje Kometen 154, 17 Komeedzjespyljen 596, sjuch: toanit Kompany (Fr. East-Indyske) 19 Konfessy fen Augsboarch 16 Kongres to Dimter 675—7 Kongres (Fr. nasjonael) 708 König (E.) 315 Konijnenburg (D. v.) 653 Konservatisme 487 Kontra-reformaesje 146 Konventikels 438 Konvinsje (Nasjonale) 421 Kooten (v.) 393 Kooi (B. v. d.) 420 Kooistra (A.) 544 Kooistra (J. S.) 706 Kool (A. R.) 392 Koopal (C. M.) 534 Koöperaesje 653 Koopmans 456 Koopmans (A. K.) 582 Koopmans (G.) 412, 608 Koopmans (R.) 279 Koopmans (W. J.)) 609 Kopenhagen 522, 523 Koperdriuwwirk (Frysk) 702 Korpus Juris 102 Korst (F.) 287, 291 Kosciuzko ™ Kosmogony 709 Kossinna 1 of k Koster (Samuel) 215 Kosterygüd lf9 Kostum (Fr.) 11, 373, 631 Koudum 572, 701 Koumans 353 Krahwinkel 4J7 Krantelêzen 578, 579 Kranten (Fryske) 646 Kreambisite 129, 372, 373, 615 Kreamer (Fryske) 287 Krefeld 363 1 Krekenhearen Jl ! Krystdei ^8 ' Krips (S. F.) . nu 60? ' Krist Frearks 613, sjuch: Chr. U. Zirschky > Kritelibben 544, 546, 549, 550, 562, i 600, 617, 618 Kritiken 703 , Kritzum 310 Kriulov 449 r Kroniken (Fryske) 21, 58, 62, 93, 104, 131, 150, 175—180, 297, 515 Kroniken fen Trier 87 > Krüdtun fen Fryslan 283 1 Krus (hillich) 197 i Krüstochten 37, 62, 72, 93, 175 5 Kubaerd 608 5 Kuyper (dr. A.) 637, 655, 656, 669 Kukelhan (L.) 31 Kükherne 11 Kultuer (Deenske) 513 Kultuer (Fryske) 202 Kultuer fen N. Jerope 18, 499 Kultuer (Romeinske 523 Kultuerroppinge (Fryske) 175 Kultusfeest 23 Küperijen 173, 228, 246 Kursus (Fr. skriftlike) 707. 708 Laan (K. ter) 702 Labadisten . 198 Lafayette 42 Lagerlöf (S.) 244, 605 Lalain (G.) 164 Lambert fen Katryp 131 Lambert fen Tjaryp 62 Lanboek fen Martena 162, 503 Linbou (Fryske) 175, 177, 486, 651 —54, 708, 709 Lélnboujongerein 710 Lanbou maetskippij 652 Landagen (Fryske) 89, 101 L&nmietters (Fryske) 222—28 Lange (J. de) 474 Langeanne to Boalsert 425 Langen (A. de) 706 Langwar 326, 606, 707 Langsweagen 701, 704 Lanrjuchten (aldfryske) 19, 40, 48, 51, 52, 61, 107, 109, 117, 499, 503—505 Lanting (P.) 378 Lapekoer 194, 196, 453, 454, 457, 458, 472, 474, 477, 478, 480, 528, 583, 602, 612 Laurman (H. M.) 423 Laurman (M.) 331, 421—27 Lauwers 44 Leargong (Fryske) 649 Learstoel (Fryske) 460, 682 Learienheid 345, 346 Leechdütsk 310 Leechsaksysk 122 Leeghwater (J. A.) 58 Leendertz (P.). 363 Leer 184, 186 • Leermens 152 Leeuwen (|. v.) 129, 297, 349, 394, 430, 435, 505, 530 Leeuwenhorn 58 Legende der Friezen 62 702 198 42 605 164 131 62 503 651 710 Legioensoldaten (Fryske) 17 Leibnitz 392 Leiden 257, 274, 286, 289, 388, 538 Ley (J. B. de) 609 Ley (G. v. d.) 349 Ley (J. H. J. v. d.) 222, 235 Leycester 166, 187, 171 Leys (Fryske) 152 Leipzig 549 Lekkerbytsje 27 Lekkum 386, 388, 400, 642, 702 Lektuer yn Frystèn 238, 371, 589 Leilens 423, 424 Lemmer (de) 327, 612, 634, 681, 700, 706, 707, 709 Lemsterlan 327 Lenige (C.) 377, 381 Lenige (D.) 377—83 Leo (paus) 111, 116, 157 Leo (Jellus) 129, 130 Leo Sibrandus 152, 174 Leowaerdera bota 262 Leppasyl 125 Leppedyk 21 Lessen (Fryske) 708 Leuven 110, 144, 151, 408 Lewijn 56 Lex Frisionum 35, 47, 204—206, 349, 405, 503 Lexicon (Frysk) 297, 379, 392, 393, 396, 403, 404, 409, 420, 424, 461, 464, 510, 603—605, 608, 612, 613, 681 Lêzboekjes (Fryske) 608, 686, 705, 710 Lêzing (Fryske) 546 Lêzselskip (Frysk) . 595 Liaf burch 45 Liaeffrouwedei 92, 93 Liaukamaprofesije 78 Liauckama (S.) 77 Liberalisme 446, 477, 584, 633, 662 Lichtaerd 27 Lidlum 77, 101, 175, 190 Lienwirden (Fryske) 54 Liet (Frysk) 471, 590 Lieteboeken (Fryske) 550, 553, 607, 591, 702, 703 Ligthart (J.) 706 Lycklama a Nijeholt 72, 198, 199 Lykdichten 11 Lykröf 118 Lyk wei 118 Lyons 535 Lytsewald 702 Lytsewierrum 682 I Lysbert Zytses 422 Lillepyp 192, 246 Lindanus (W.) 162 Lincolncollege Linden (C. over de) 509 I Linden (L. F. over de) 511 Lindenbrog (F.) 205 Lindholm 83, 539 Lingen (v.) 655 Lippenhuzen 572, 710 Lissabon 62 Liston 396 Liturgy (Fryske) 343 Liudger 45-47, 54 Liudingerus 51 Liverpool 321 Ljeafde (heitelènske) 146, 696 Ljouwert 11, 16, 88, 90, 92, 104, 110, 118 125, 127, 132, 144, 151, 155, 160, 164, 166, 170, 172, 180, 187, 188 212—214, 222, 224, 230, 234, 247, 274, 278, 281, 294, 317, 327, 329, 334, 357, 368, 374, 402, 429, 455 475, 485, 486, 496, 526, 530, 534, 546, 607, 610—613, 634, 638, 647, 650, 675, 689, 703, 704, 709 Ljouwerterdiel 614 Lodema 614 Lodewyk XIV 227 tèfngea 668, 680 Lofdichten (Fryske) 269, 278, 305, 332, 336 Loge 369 Lomars (H. D.) 392 Londen 212, 291, 463 Longerhou 302 Lönnrot (E.) 499 Looijenga (F.) 609 Loon (I. v.) 240, 267, 272, 432, 533 —34, 535, 536, 549, 550, 585, 625, 626, 701 Loon Hsn (J. v.) 706 Loré 368 Lorenzen (Lorenz) 514 Lorensen (H. J.) 514 Lornsen (U. J.) 517 Lotharius 58 Lotorakel 36 Louis Lucien (prins) 463 Louis Philipp 446 Lover (R. de) 301 Lubbertus (S.) 160, 167, 198, 269, 441 Lubeck 71, 135 .ucanus 139 Aiifelskrift 319 .uik 35 ,uneburch 135 .üntsjerkster orakel 81 ^ustgaarde (Fryske) 282—285 .usthöf (Fryske) 211,216,2.18 ^üsthóf der Maechden 220 .uther 102, 137, 159, 192 M Vlaanen (v.) 447 Macpherson 498 Madioen 580 Madrid 146, 147 Madtsen (P) 516 Madzy (sjuch: Sj. Terpstra) 605, 709 Maeike Jakkeles 355—58, 432, 482, 583 Maerlant (J. v.) 60, 409, 410, 464 Magdalenakleaster Magirus (A.) 318 Magnus (saga) 61, 69, 70 Magnusen (Finn) 439, 449, 499,. 500 Magnusfane 20, 21, 70, 116, 296 Magnuskerren 52, 61, 115, 116 Makkum 227, 278, 318, 377, 378, 380, 419, 607, 610, 708 Mal (Costelick) 236 Malermar 49 Moll (W.) 272 Malnoe (A. C. de) 392 Maltisten (Steyn) 166 Manger 393 Mansfeit (greve fen) 212 Mantgum 706 Marcellusfloed 175 Marck (v. d.) 348 Mare Frisicum I47 Mareschall (Th.) 292 Mar-geast 615 Margrete fen Arnhem 162 Margrete (lanfêdesse) 99 Mariëngaerd, sjuch Begaerd 190 Maria Louisa (Marijke Moai) 329, 330, 367 Maria fen Hongarije Marijeforearing 138 Marnix 1.62, 238 Marten Durks 425 Marten Gerbens, sjuch M. K. Scholten 708 _, Marten Joukes 374, 375 I Martena . 3 14 Martena (D.) 127, 164, 238 Martena (H.) 91 Martena (K.) 162, 349, 435, 503 Martenahüs 440 Martenastins 344 Martens (L.) 365 Martensskoalle (St.) 186 Martij n (De wapene) 60 Martin 540 Martin (H.) 706 Martin (Z.) 84 Martinus 119 Marschenbuch "0 Mar en Poel (fen), sjuch S. Feenstra 702 Marrum 493, 610, 612, 629, 702 Marrum (E. fen) sjuch L. Elzinga 702 Marssum 324 Marsman (H. Uden) 706 Masters Jan, sjuch: J. v. Vreeningen 709 Materialisme 586, 655, 673 Mathesius (J.) 514 Matthysen (Jiffer) 509 Maurits (prins) 160, 168, 196, 244, 300 Maximiliaen (keizer) 88 Mearkeboek (Frysk) 701, 707 Mearkes (Fryske) 605, 661 Mebius 489 Mebius (W.) 583 Mechelen 661 Medemblik 38, 58, 59 Meenhoff (P. J. Driesen) 412 Meer (K. v. d..) 604 Meese (D.) 283 Meeter (P. A.) 609 Megasthenes ^ Mei (D. v. d.) 693 Mei (J. v. d.) 696, 701, 702 Meinderts (Eelke) 262, 361, 464, sjuch fierder E. Meinderts Melanchton 144, 146 Melchizédek 71 Mellema (E.) 222, 223 Memoriale linguae 311—315 Memorie's (Eenvoudige) zie J. Hepkema 686 Menaem 579, 629, 681, 702 Menamerdiel 321, 345, 379 Menco 175, 190 Menelaüs 157 Mengelingen (Dichterlijke) 427 Mengelmoes 220 Mengelwerk 397 Mennisten 59,334,335,371,377,454, 456, 464, 487, 551, 570, 580, sjuch fierders: Frysk en de Mennisten Menno Simons, 527, sjuch: Minne Simens Mensuit 45 Mercator (A.) 286 Mercator (G.) 151, 158 Merkenwiersterstringen 27 Merkerjucht 62, 119 Merseburger glossen 49 Meskenwier 608 Messianisme 53, 79 Messine (F. v.) 211 Metamorphoses 139, 702 Metedulgh 119 Metius (A.) 222, 441 Mettray (Nederl.) 430 Meulen (A. v. d.) -609, 614 Meulen (T. G. v. d.) 243, 272, 467, 491, 537, 543, 544, 581, 585, 596, 597, 598, 600, 603, 604, 614—632, 681, 688, 699 Mezzofanti (G.) 445 Michael (sdom) 61, 76, 124, 296 Michiels (W.) 220, 221 Mickiéwitz 53, 450 Middelboarch 257, 289 Middelsé 44, 50, 433, 508 (sjuch: Burne) Middenfeart 612 Midgard 546 Midgardslange 16, 20 Midfrysk 129, 130, 137—140, 148, 149, 177, 198—200, 209, 271, 276, 281, 301, 316—343 Midwerda (M.) 334 Miedema (A. S.) 478, 609 Miedema (M.) 605, 609, 684 Mieden 127 Miedum 127 Mienskar 118 Mienskip (longfryske) 673, 693, 696, 697, 699, 700—710 Mienskip (De nije) 699, 700—710 ' Mienskipshüs 704 Mieltyd (Fryske) 128 Mieren 231 Mieris (v.) 348 Mietkinde 158, 360, 516 Mystyk (F.) 97, 98, 154—55 Mythe 40, 48 Mystysk tinken 21 Milaen 205 Mill (John Stuart) 449 Mingeldeuntjes 240, 241 I A Mingeldichten 11 A Min gels tikj es (Fryske) 432 A Minne 157 ' Minne to Aken 131 A Minne Simens 159 A Minne fen Westerghe 62 J Minnedichten (Fryske) 243 f Minnefjuechtspil 394 / Minnelieten (Fryske) 219, 241, 471, i 623—25, 661, 662 Minnerymkes 530 Minnertsgea 4Q0 Mint (falske) ll7 Mintwêzen (Frysk) 198 Mirtzestrfngen 27 Mis (Hillige) 27 Mithridates 279, 308 Mitslawier 606, 706 Moarmwald 568, 610 Mobilisaesje 605, 689—92, 704 Mockama (J. O.) 91 Modernisme (Frysk) 565, 566, 584 Moers-tael 341 • Moffeskans 236 Mogison 309 Möhlmann (J. H. D.) 188 Molfange 571 Molenaar (F.) 706 Molenaar (K.) 706 Molenaar (S.) 609 Möller (B. P.) 549 Molière 597 Molkwar 123, 293, 296, 307—309, 394, 710 Momkape 25 Mommsen (J.) 519 Monastring 27 Montaigne 236 Monumenta Groningana 405 Mornay du Plessis 265, 272 Morra 342 Motman (F. C. G. v.) 610 Moude-rinne 27 Mounle (Fryske) 570 Mügge Th.) 546 Muiden 234 Muiderslot 257 Mulders (J.) 7°6 Mulerius (N.) 188 Müllenhoff 47 Müller (loh. Cadovius) 310—315 Muller (H. C.) 195 Mullum 528, 651, 703 Multatuli 586, 633, 634, 644 Mungard (N.) 521, 708 Munster v. 135, 146, 635 Munster (v.) 635 Munting (A.) 283 Munting (H.) 283 Müntsewei 284 Murray Bakker (L. C.) 603, 604, 610 Muséum (Frysk) 193, 197, 238, 255 Muizeboask 395 Muzyklibben (Frysk) 221, 701—10 N Naamsporingen 294, 300 Nachtiefta H7 Naeimesine 651 Nammekinde 31, 175 Namme(n) (Fryske) 27, 127 Naoogst (Letterk.) 237 Napoleon 385 Narva 307 Nasjonale fieling 192 Nasjonalisme (Frysk 86, 92, 166, 234, 344, 449, 460, 655, 656, 666, 704 Nassau's 198, 367, 407 Nassau (A. v.) 658 Natuerljeafde 244 Natuermoai (Frysk) 689, 694, 695 Nauta (E.) 386, 394, 423 Nawijn 644 Nawijn (Tj.) 706 Nebel 520 Nebulo Nebulonum 226 Nedermünster 507 Needbran H7 Needröf H7 1 Needskyn 39, 56 ' Nehalennia 16 i Nelis (C. F. de) 146, 148 i Neocorus 82 I Nepos 299, 302 ! Nerdens (H. A.) 203 ) Nero 16 r Nes (U.) 608 ) Nes (Amelan) 610 5 Netbreidzjen 21 1 Neurenberch 580 7 New-York 549 3 Nezitz 527 3 Niawier 672, 681 7 Nibelungen 48, 50 5 Nicea 97 5 Niebuhr (B. G.) 369, 406 3 Niebüll 514 A WiomrounrT 450 521, 708 146, 635 635 283 283 284 604, 610 238, 255 395 , 701—10 Niawier Nibelungen Nicea Niebuhr (B. G.) Niebüll Niemcewicz Niemeijer (M.) 565 Nienoard 107 Nieske Pyters 294 Nieuwenhuis (J.) 604, 613,.706 Nieuwenhuis (O.) 706 Nieuwold 469 Nieuwsblad v. Friesland 194, 195 Nifelers 688 Nyahow 104 Nijebrêge 709 Nijehaske 709 Nije Moarn (De) 701—710 Nijerup 499 Nijhuzum 27 Nijjierswinsk en (Fr.) 386, 482, 612, 675 Nijlan 199, 422, 528, 634, 681 Nijmegen 387 Nysbode (de Fryske) 589, 646 Nijtsjerk (W.) 335, 493 Noach 67, 68, 296 Noardenbrana 69 Noaren 222, 508 Noardfriezen 518, 521, 686 Noard-Fryslan 21, 25, 83, 439, 464, 520, 521, 539, 708 Noardpoaltocht (Fryske) 49 Noardsé 42, 147, 182, 521, 701 Noardséfoltsen 543 Noardske balke 674 Noarske foltsen 17, 456 Noardsé-eilannen 15 (sjuch eilannen) Noardsé-kusten 48, 527 Noardstran 514 Noarmannen 56, 58, 500 Noarwegen 285 Nollius Hajonides 238 Noordenbos (J. A.) 610 Nordenbos (U.) 706 Noordmans (O.) ■' 681 Norbertijnen 175 Norden 182, 184, 186, 191 Norddorp 522 Nordmarsch 514 Northumberlan 36, 44 Nota (P.) 347, 350 Novellen (Fryske) 685, 686, 694, 695, 701—710 Numa Pompilius 112, 113 Nut fen it Algemien 487, 551, 560, 562, 581, 586, 616 Oanspraekfoarmen 246, 267—69 Oanteikenings (fen Aedo Jongama) 92 Oarkindefrysk 125—26 Oarkinden 125 Oarkinden (Fryske) 63, 125,-12* Oarsaken fen Fryslan's delklap 85 Oarsprong fen 'e Friezen 136, 151, 187, 296 Octavianus 112, 114, 115 Octavius 113 Oddington 292 Odin 40, 41, 546 Odolfklokken (St.) 21 Odulfus 96 Oebele Glüper 597 Oehlenschlager 449 Oenema (R.) 537 Oerhoer 118 Oera-Lindaboek 508—511 Oerisel 440 Oersettings (Fryske) 238, 263—66, 290, 296, 307, 327, 394, 422, 463, 490, 491, 506, 539, 558, 560, 583, 605, 608, 610, 627, 647—49, 681, 702, 705, 708, 709 Oerstreamings 175 Offenwier 528, 600, 612 Offerkoeken 25 Ofkappen fen Wapens 95 Ofskieding 488, 489, 552, 585, 621, 630, 655, 656 Ofswarren fen Philips 166 Ogg 135 Okke fen Skarl 38, 297 Okkehel 27 Okma (D. R.) 666 Oldampt 83, 109, 118 Oldenbarneveld 170, 172 Oldenboarch 30, 31, 404, 491 Oldesloe 527 Oligarchy yn Fryslan 173, 174' Oliveberch 76 Olivier (magister) 62 Olm (v.) 570 Omer (St.) 347, 393, 495 Ommelannen 72, 105, 122, 125, 153- Onias 157 Onuphrius (J.) 344 Oostenbrug (J.) 706 Oosting (Bierema) 635 Oostra (R.) 706 Opein 607 Oppedyk (J.) 637 Oppenhuizen (J.) 707 Oproer (Kollumer) 374 Opstan tsjin Spanje 174' Opstellen (skiedkindige) 703 Opskriften (Koddige) 319 Optimisme yn 'e Fryske striid 677 Orakels (Fryske) 81, 82 Oranje 156, 346, 361, 366, 487 Oranje (Prins fen) 153, 160, 164, 166, 287, 290, 422 Oranjefersen (Fryske) 366, 367, 411, 610 Oranjefrjeonen 368, 369 Oranjehilde > 215 Oranjewald 635 Oratio dominica 309 Orck fen Doyum 160 Ork 26 Orkenen 126 Orlando Furioso 233 Orleans 86 Ortelius 152 Orthodoksy en Fryslan 566, 628, 630, 650, 655 Orthografy (Fryske) 234, 439 Ose 519 Osnabrück 507 Osprondus 109 Osinga (A. J.) 704 Ossian 498 Ottema (J. O.) 65, 110, 343, 430, 432, 508, 509, 510, 511, 535 Otter (H.) 610, 706 Otto (kapellaen) 144 Otto v. Lüneburch Outhnys (G ) 490 ©«knus 139, 239, 394, 583, 702 Owerlengerlan 123 Oxford 107, 195, 203, 219, 229, 257, 259, 263, 268, 278, 291, 396, 410, 460, 461, 505 Paardekoper (J.) 707 PaHprhnrn 44 Padua 86, 144, 147 Paedwizer for Fr. skriftekennisse 699 Paep Jan 21 Palmerston 447, 448 Pander (Pier) 581, 610, 613, 707 Pandreghae 127 Pantaleon (H.) 151 Papegaeitsjitten 325 Paradys 69 Paris forlittende Enone 263 Parys 86 Parregea 552 Partikularisme 172 Partijen (Boek der) 124 Partijwêzen (Frysk) , 124 Parvenu 28 Pascal 493 Pasjfikaesje fen Gent 164, 345 Pasma (H. F.) 646, 652 Pasterijgüd 129 Pasterijlan 493 Pater noster 56, 116, 157, 177, 307, sjuch fierders: Gebet en Oratio Dominica Paterson 610 Patetta 206 Patrimonium 671 Patriot (De Friesche). ' H Patroans-güd 129 Patriotten 368, 407, 408, 495, 496 Patriottisme 347, 393 Patroklus 64 Paulus Mensonis 278 Peasens 608, 612 Peaskekêrs 129 Peereboom (G.) 621 Pegottyfeguer 244 Peyma (W. v.) 466, 492 Peinjum 27, 610 Pella 620, 621 Pinnekonst 280, 365, 485, 592 Percy 498 Periodiken (Fryske) 589 Personaetskip 129 Pertz | 206 Pessimisme yn 'e Fryske striid 677 Pestalozzi 417 Pestelinsje 94 Petearen (Fryske) 243, 244, 246, 259, 321 Petersen (Cornelius) 527 Petiele (Fryske) 196 Petrarca 98, 122, 233 Peutinger C.) 104 Phaedrus 302, 306 Philips fen Bourgondië 89 Philips II 142, 153, 156, 162, 173 Philology (Fryske) 393, 408, 409 Piekema (G.) 707 Pier (Greate) 87, 92, 96, 162, 228 Pierson (H.) 635, 636; Pieter Freerks 317 Pieterse (C.) 320 Piëtisme 371 Pylgers (Fryske) 61 Pyt fen Fryslan, sjuch P. J. Wierstra, 612 Pytheas fen Massilia 15, 30 Pythia '74 Pike (mr.) 413 Pingmar 21 Pipenutetsjerke 488 Pippijn 35, 36, 51 Piter Jelles, sjuch: P. J. Troelstra Piter (St.) 25, 231, 298, 299, 481, 516 Pitersbierrum 161,597,607,696 Pitiscus 301 Plachter (Fryske) 209 Plakkaet- en Charter boek (Fr.) 344, 347—50 Plaknammen (Fr.) 608 Planeetjes 357, 482 Plantenammen (Fr.) 284 Plantij n 234 Plantinga (F.) 640, 641 Planting (J.) 695 Platdütsk 310, 514, 519 Plattegrounen 151 Plattelan en haedstêd 166 Plega 19 Pleitsucht (Fryske 210, 211 Plinius 9, 15, 30, 283 Ploege (De) 686 Ploeg (v. d.) 550 Ploeg (F. H. v. d.) 351—364, 432 Ploeg (H. W. v. d.) 563 Ploeg (J. A. v. d.) 363 Plutarchus 388 Poalen 42, 53 Poarmer 59 Poarmerein 471 Poelman (H. A.) 72, 667 Poepkema (S.) 125 Poepkema (Th. J.) 125 Poëzije (epyske) 45 Poëzije (godstsjinstige) 627—628 Poëzije (Fryske) 681, 684, 701—710 Pollema (B. R.) 687, 693, 707 Pompeblêdden 48 Pompeblêdrige 694, 705 Pompejus Occo 123 Ponten (de 39) 118 Ponten (fen Frentsjeradiel) 118 Pope (A.) 490 Popka (liteke) 131 Popke Ruerds 162 Popma (Aesge v.) 238 Poppe Okke 98, 99 Poppenwier 706 Popte 62 Poortwachter (de) 671 Portz (P.) 278 Postma fO.1 558. 568. 604, 610. 632 Postma (O.) 667, 684, 705, 707 Postma (Th.) 634 Postma (Tj.) 707 Posthumus (R.) 261, 272, 397, 432, 433, 439, 450,. 451, 464, 465, 485, 485—495, 500, 507, 649 Postwagen (De) 425 Postweinen 327 Potestaet 88, 173 Pothof (G.) 338 Pott * 440 Potter (de) 447, 451 Praedinius (R.) 186 Prampolini (G.) 702 Preekjen yn 't Frysk 612 Preken (Fryske) 681 Prémontré 175 Prêster-ynkomsten 129 Prijskampen yn 't spinnen 368 Priissjongen 674 Priisütdielingsfers 385 Printers 353, 354 Printen (politike) 701 Privaet dosint (Frysk) 608 Privaetrjucht (Frysk) 72 Priveleezje fen Karei de Greate 51, 135 Privileezjes 62 Proaza (Frysk) 237, 701—710 Pro excolendo ensfh. 403 Procurator 209 Profesijen (Fryske) 19, 73, 82, 83, 84, 526 'Profetisme (Frysk) 74 Pro-germaen 300 Prognostikaesje's (Fryske) 135, 229 259, 319 Proklamaesjeboeken (tael fen) 127 ' Promoasjefersen (Fryske) 280, 340, 379, 385, 391 Proost (J.) 361 Prophetissa 65 Prosopographia 151 Protestantisme 523 Proverbia communia 195, 197 Provinsialisme 172, 545 Psalmbiriming 271, 678, 681 Psalmen (Fryske 3, 47, 157, 238, 239, 250, 252, 253, 322, 342, 379, 415, 426, 491, 655 Ptolemaïs 62 Publikaesjes 198 Puntdicht (Frysk) 208, 209, 554, 565 Puriteinsk 402 Purisme 276, 299, 300 Poppenwier Popte Poortwachter (de) Portz (P.) Postma (G.) 558, 568, 604, 610 Q J Quarles v. Ufford-Buma (A. M. C.) I 707 1 Quedens (C.) 514 I Quotum 165 | R Raagan 296 ] Raalte (v.) 621, 532 ] Rade (J. P. v. d.) 219 ] Rademaker (L. A.) 343 ] Radikalisme 486 Radio 70'1 Raerd 80, 88, 95, 687, 703, 704 Raerd (Dongerad.) 135 Raerderhim '02 Rafn (K. C) 499, 500 Rahbek 499 Ramsloh 507 Ramswerderabürren 127 Ranke (L. v.) 513 Rappelsbersch Rapperswyl 42 Ras (E.) 278 Rask (Rasmus) 439, 449, 461, 499, 500, 511 Ratelband (C. M.) 400 Ratelband (M.) 400 Rathmelsigi 34 Rationalisme 586 Ratsma (J.) 707 Ratsma (P.) 707 Rauwerda (A.) 638, 654, 707 Ravenna 42 Reaklif 21,42, 246, 660 Reamer en Sape 243, 244 Recesboeken (tael fen) 127 Redbad 21, 32—43, 46, 59, 68, 69, 85, 430 Redbadsaga 40 Reddingius (G. Benthem) 272, 393 Reddingius (R. P.) 426 Reddingius (W. A.) 426, 427 Rederikerskeamers 215, 560, 597, 642 Reedriden I77. 385 Reenalda (K. P ) 329 • Reformaesje 137, 146, 159, 160, 162, 164, 173, 174, 198, 441, 453 Regenbogen (E. R.) 693, 707 Regine-sangen 546—47 Register fen geastlike opkomsten 130 Register fen oanbring 127, 135 Reiderlan 118, 310, 402 Reidfinne 27 Reidlan 129 Reidsma (M. H.) 610 Reyd (E. v.) 172, 180, 181 Reimers (H.) 141, 188 Reynaerd 229 Reinaerd (Vos) 60 Reinalda (E.) 440 Reisbrieven (Fryske) 71° Reisforhael (Frysk) 281, 327 Reitsma (H.) 610, 613 Reitsma (J.) 130 Reitsma (M.) 600 Reker 58, 151 Rekkenmasters (Fryske 222—228 Reliken 35 Remigius dei 56 Remonstrantisme 173, 186, 257, 363, 487 Renaissance 55, 140, 233, 271, 453 Renalda (J.) 334 Rengers 215, 388, 475 Rengers ten Post (J.) 105, 185 Rensen (N.) 489 Repgau (Eike v.) 101, 102 Republyk (Fryske) 161 Requiem 157 Reval 307 Réveil 488, 578, 630, 655, 656, 660 671 Review (Westminster) 449 Revolüsje 373, 407, 486, 637, 640, 664 Rhenferd (J.) 297 Richardson (S.) 335 Richthofen (K. v.) 33, 42, 107, 109, 206, 405, 461, 501, 503, 505, 510, 511, 539 Ricmarus 109 Rie (Algemiene Fryske) 708 Ried (geheime) 146 Ried 322 1 Riemersma (J. H.) 701 1 Riemersma (H. L.) W7 I Rienks (J.) 385 ' Rienks (K. A.) ! Riim (Thet Fryske) 64—67 i Ryd (weazige) 129 ) Rym (Frysk) 301 ,. Rymersma (A.) 377 Rym fen Fr. ethelingen 65 1 Rymkes (Fryske 220, 326, 415, 507 7 Rymkronyk j Rymlerije (Fryske) 246, 261, 269, 276 5 Rymspreuken (Fryske) 137—140 l Rymkamp 686 Rynja (P.) 710 Rynlan 17 Rynthiama (D.) 134 Ryp 129 Ryp (J. de) 59 Rypma (O. R. 610 Rypma (J.) 590, 610 Ryptsjerk 127 Rimen (Fryske) 288, 317, 318, 319 Rimen en Teltsjes 466, 478, 682 Rimsma 29 Rin-allinne 610 Ringenoldus (H.) 579 Ringers (H.) 322 Ringers (Vitus H.) 322 Ringnalda (M. H.) 426 Ringriden 325, 686 Rinia (D. F.) 395 Rinkelbel (de) 583, 591—92 Rinkes Borger (J.) 653 Rinsmastate 556, 564 Rkisumageest 75, 76, 81, 176, 570, 672, 681 Rintsjes (H.) 234, 247, 248, 277, 284 Rintsje Klazes (sjuch R. Zylstra) 613 Rióchtis (Thi foerdghung this) 107 Ripperda 320 Rippert (W.) 125 Rippertus (Sixtus) 161 Rippertus (Sixti) 193 Risum 83 Rixt (Sjuch H. v. Dorssen) 687, 702 Rjucht 470 Rjucht (Frysk) 105, 109, 112, 113, 122, 206, 210, 345—48, 403, 405, 443, sjuch: Lanrjuchten Rjucht (Romeinsk) 100, 503, sjuch: Corpus Juris Rjuchtboarnen 100, 291, 510, 700 Rjuchtdei 56 Rjucht (fen eigendom) 125 Rjucht (fen nyar) 125 Rjuchtsfoarming 100 Riuchtsgefoel (Frysk) 133 Riuchtskatechismus (Fryske) 111, 112 Riuchtslearden (Fryske) 134, 285 Rjuchtsamling (Westerlauwerske) 70, 107, 123 Riuchtstastannen (Fryske) 701 Riuchtskiednis (fen Fryslan) 175 Riuchtskiednis (Germaenske) 208, 700 Rjuchtstüdzje (Fryske 132 Rjuchttael 116 Böarrlhuzum 143. 162. 608. 610, 686 Robertson 490 Robles (C. de) 164 Robodeswarf 39 Roboduswei , 39 Rödding 513 Rodenhuis (D.) 333 Rodmer 26 Rodolphus Agricola 98 Roeker (de) 485 Roemers (L.) 234 Roessink-Kalsbeek (J.) 707 Rolantsliet 65 Romantyk 348, 415, 436, 449, 453, 471, 497 Romar 440 Rome 20, 45, 86, 112, 115, 175, 233 Romeinen 16, 28, 30, 136 Römer (K.) 707 Romers ,De trije) 95 Romesfrede 20 Rommerts (O.) 634 Ronixa 212 Ronsard (P. de) 320 Rook (J. de) 707 Rook (K. de) 707 Rook (L. de) 707 Roomsken 456 Roomsk Fryske aksje 709 Roomsk boun 495, 511, 709 Roomsk Fryslan 498, 511, 709 Roorda 196, 450, 451, 503 Roorda (A.) 173 Roorda (F.) 92 Roorda (G.) 196 Roorda (J.) 430, 433 Roorda (lurjen) 708 Roorda (K.) 159—174, 198, 238, 433 Roorda (Kodex) 107, 108 Roorda va Eysinga (S. H.) 506, 675 Roordisten 168, 170 Roosjen (A.) 465, 708 Roorda 58 Roskam 583 Rostock 182 Rotte (de) 502 Rottefalle 489 Rottelwacht (Grouster) 482 Rotterdam 164 Rotsbylden 16 Rousseau 347, 443, 453 Roussel (H. A.) 193 Rousselaere 389 Rozema (C.) Rozenga (M.) 610 Ruardi 387 Ruardi (O.) 470 Rückert ^ Rudolf fen Habsburch 105, 109 Rndolfsboek 52,70,71,119 Ruerd Syhrandi 645—47 Runen 16, 36, 49, 286, 438, 499 Rusticus (S ) 681 Rüstringen 39, 49, 50, 51, 55, 109, 115, 118, 123, 405 Rutgers (J. F.1) 647 Rutgers (S. j.) 647 Ruth 37b Sabbath-halde 198 Sachs (H.) 192, 580, 581 Saeckma (J.) '60 Saendam 427 Saenske folkstael Saga 37, 64, 71, 212, 499, 518, 535, 546, 607, 611 Saga (fen Friso ensfh.) 131, 296 Saga (Karei—Redbad) 115 Sagabylden (Fryske) 190 Saeachronist 64 Sagastoffe 21, 46, 48, 49 Sagelterlan, sjuch Saterlan 49, 116 Sakselan 9, 17, 40, 47, 51, 54, 55, 71, 88,89,92,677 Saksetiid 127, 162 Saksenspegel 70, 102 Saleph 37 Salverd 4!2 Salverda 432> 465 Salverda (1. K. P.) 412—420 Salverda (P.) 4i2 Salverdahüs 4i2 Salves 269 Salzmann (C. G) 517 Sande (F. v. d.) 180 Sande (J. a) 133, 180, 325 Sandghaen 129 Sanfird 27, 610 Sang (Fryske) 326, 338, 491, 607, 608, 703, 701—10 Sangpriëel (stichtelijk) 322 Sankey 647 Sangkjes (Fryske) 541, 612 Sappho 320 Sari (wylde) 211 Saterlan 55, 123, 310, 439, 464, 491, 507 Satyre 454 Sauermann 520 Saunwalden I32 Saxmund 2(,4 Saxo 21. I31. 546 Saxo-grammaticus 33, 64, 87, Scaevola (sjuch O. L. Veerman) 681 Scaliger (j.) 109, 203, diu Schaaf (H. v. d.) ™8 Schaafsma (1.) 693, 708 Schaap (A.) °86 Schaeckraeff l\* Schafer 549 Schagen 58 59 Schaik (H. v.) TO° Schaik (W. R. W. v.) TO» ChooHlanH 123 Schelte Jochems 3'8 Scheltema (G) o=„ Af,? Scheltema (J.) 17, 162, 272, 350, 396, 397, 401, 405 » Scheltema (P.) 327, 387, 396, 397 Schepers (J. B.) 466, 467, 477, 478, 485, 604, 607, 644, 650, 655, 703, 706 «nn Schepers (I. D.) 600 Schejper .,:•! 50 Sibranda (P. 101, 103 Sibrandus Leo 101,103,132,150,175 Sibylle (Noardfryske) 83 Siccama (A.) 203 Siccama (Abel) 505 Siccama (H.) 374 Siccama (R.) 203 Siccama (S.) 198—208 Siccama ((T. C.) 202 Sickes (J.) 317 Sickinga (I. v.) 151 Siebs (Th.) 47, 64, 107, 292, 315, 505, 549, 550 Sierd (P.) 332 Sierkinst (Fryske) 667, 701 Siersnra (S.) 77 Sigerswald 402, 702 Sybesma (R.) 687, 693, 699, 709 Sybrandy (J. H.) 709 Sybrandi (R.) 646 Sygfryd 48 Sijke Salves 246 Sylt 30, 507, 515, 516, 518, 519, 521, 527, 539, 550, 686 Symbolyk yn 'e Fryske wetten 19 Sijmons 47 Synode (Dordtske) 160 Syphringe 196 Syrick (C. Tongersz.) 127 Systermans (B.) 455 Sytema (I.) 569—79 Sytema (S. A.) 569 Sytstra (H.) 11, 26, 54, 267, 521, 526, 527, 528—550, 567, 600, 617, 618, 625, 646, 688 Sytstra (O. H.) 466, 478, 568, 583, .604, 613, 631, 632, 654, 682, 707 Sytstra (S. H.) 529 Sytstra (T, W. H.) 610 Sytzama (v.) 374, 485, 50r, 556, 563 Sikkema (A.) 610 Silerij (Fryske) 327 Silvius (I.) 139 Simen de profeet 81 Simon (St.) 493 Simonides (D.) 329, 432 Simson (bline) 675, 680 Sinderen (S. v.) 579 Sinding (Fryslan en de) 682 Sindingsfeest 630 Sindstalle (Leowerdera) 118 5 Sinnepoppen 58, 226 ^ Sinnerêd 17 ; Sinteklaes 25, 318, 481 5 Sintralisaesje 459 - Sipke 137 ; Sipma (P.) 343, 510, 521, 550, 608, i 688, 689, 696, 697, 704, 705, 708 Sipma (KI.) 693 i Sipma (S.) 510 ! Sipma (Sj. R.) 708 ! Sitter (de) 403 ! Sixtus (A.) 164 I Sizwizen (Fryske) 420 Sjaerdama 78 Sjaerdama (E.) 126 Sjaerdamahüs 39, 80, 89, 234 Sjoerds (Foeke) 190, 309 Sjolle Kreamer 237, 243 Sjollema (S. A.) 579 Sjongkoar (Jongfrysk) 702, 710 Sjongselskip (Frysk) 548 Skalten 46, 48 Skandinavië 18, 49, 409, 498, 499, 543 Skarl (Okke v.) 436, sjuch Okke Skearbaes-dokter 597 Skelnammen 196 Skelta 56, 115 Skeltaban 117 Skermer 59 Skernegoutum 421 Skerpenseel 703 Skiednis (Fryske) 64, 65, 72, 124, 149, 175, 187, 188, 190, 198, 275, 282, 283, 285, 404, 405, 508, 705 Skiedwirken oer FryslSn 190—191 Skieringers 88 Skiermüntseach 132, 476, 491 Skilders (Fryske) 700—710 Skilige Piip 615 Skingen 110, 129, 606 Skip (riemleas) 21 Skipperslibben (Frysk) 602 Skoalle en godstsjinst 616 Skoalle (Latynske) 155,184,202,224, 238, 295, 455, 470, 530, 533 Skoalboekjes (Fryske) sjuch: lèz- boekjes, 280, 333, 710 Skoalleforsjongerij 555, 556 Skoalmaster (Fryske) 157, 240, 365, 374, 455, 576, 607 Skoallereis (Fryske) I4 Skoalle-ünderrjucht yn Frysk, 686, sjuch: Underrjucht Skoalle wet 561, 567 Skoallewêzen 559, 561, 562 Skoaterlan 637 Skoklan 396 Skraerd 396 Skutterssangkje (Frysk) 433 Skuzum 655, 681 Skylgelan 26, 94, 132, 443, 539, 681, 701 Skynbiskaving 28 Slachring 47 Slagterij (Vermaak der) 353 Stelt 100, 132 Sleatermar 508 Sleeswyk 71, 72, 512, 513, 517, 518, 520, 524—527, 539, 546 Slenderhinke 323, 343 Slydjeijen 325 Sljucht en Rjucht (as spreuk en titel) 401, 589, 607, 697, 701—710 Sloet tot Oldhuis (B. W. A. E.) 420 Sloot (A. v. d.) 708 Slotboo (D. J.) 387 Slothouwer 455, 470 Sluyters (J.) 706 Smeding (A. J.) 478, 604, 610 Smallenbrug (F. W. v.) 415 Smelle-Ie 90 Smids (L.) 320 Smilde Smit (E. H.) 4?6 Smit (L.) 334 Snabelius (W.) Snein (Fryske) 402 Sneinskoalle (Fryske) 647 Snypsnaren 600, sjuch Foltskinde Snits, 68, 81, 84, 95, 127, 132, 146, 160 162, 197, 200, 236, 247, 360, 363' 392 423, 456, 474, 480, 488, 1 565' 600, 601, 607, 609, 612, 632, i 634 636, 642, 646, 653, 665, 681, i 682', 697, 702, 704, 706, 708, 709 Snitser stêdsrjucht 609 ! Snorri Sturluson 5 Soasialisaesje °j>4 , Soasialisme {yi Soenjild ^ - Soeteboom (H.) 58, 60 Soetekauw (J.) j}' 5 Soldatebrieven 61U, /uo 1, Soldateliet (Frysk) 217 Soldatelibben 605, 692 4 Sondekraam i, Sonderboarch 517 Sonnet f33 7 Sonoy (De) l64 Sophocles 21, 702 Sopingius (O.) 203 Sorghvliet 290 Sotteclucht 210 Soóvereiniteit (yn FryslSn) 166 Spandaw (J.) 331 Spannenburch 622 Spannum 582, 584, 587, 592, 646 Speekhout (W.) 708 Speeltuyn (Westfaalsche) 323 Speyk (v.) 451 Spencer (J.) 323 Sperling (O.) 96 Spjealdeboek (Frysk) 358, 482 Spieghel (H. L.) 226, 234, 243, 275, 451, 566 Spiers 153, 312 Spoarbanen troch Fryslan 651 Spoekesfoarjes 535, 615 Spoeksel 21 Spoel (F. v. d.) 610 Spoelstra (B. O.) 534 Spoelstra (O. B.) 534 Sponheim 151 Sportfriezendom 673 Spotlietkes 162 Spotlietke (Frysk) 200 Spotprinten (Fryske) 701 Spotrym 152,'553 Sprekwirden (Fryske) 28, 58, 137— 141, 192—197, 259, 278, 283, 288, 289, 298, 313, 335, 391, 396, 420, 422, 576 Sprekwirdkinde 197 Spreukpoëzije 140 Sprüt (Spaenske) 79 Spylman 50 Staekmans (G.) 234 Stamboek fen 'e Fryske adel 508 Stamgefoel (Frysk) 589 Stamtafel 26 Stap (J.) 635, 638, 708 Staring 435, 560 Starter 11, 200, 209—221, 224, 232, 237, 243, Starum 38, 58, 62, 63, 72, 85, 86, 89, 92, 97, 132, 142, 177, 187, 224, 238, 307, 346, 651, 659 Stavering (Fryske) 366, 386, 432, 433, 541, 542, 613, 647, 648, 661. 705 .Stavo 187 Steamboatforbining 651 Steamterskmesine 651 Steaten Generael 166, 169 Steate-souvereiniteit 421 Steats-almacht 459, 460 Steats-pensioen 643, 703 Stêdboeken 100, 120, 609 Stêdden fen Fryslan 132 Stêdden (opkomst fen 'e) 163 Stédesdorf 311, 312 Stêdfrysk 432 Stêdhüs (Boalserter) 201, 202 Stedingers 175 Stêdskronyk 135 Stêdsrjucht 62 Stêdswêzen (Frysk) 62 Steedhalders fen Fryslan 174 Steegh (J. v. d.) 640, 642 Steensma (A.) 702, 708 Steen wyk (J.) 302 Steffen (Sint) 152, 319, 478 Stêfrym 47 Steinfeld 98 Stellingwerf (O.) 633—44 Stellingwerf (Otte) 634 Stellingwerven 199, 278, 408, 455 Stephanus III (paus) 9 Sterfkeamer (Fryske) 25, 605 Stern see 219 Stevin (S.) 300 Stiens 74, 81, 192, 193, 194, 607, 611, 640, 651, 654, 703, 707 Stiensma (I. I.) 323 Stienstra (K.) 610 Stienstra (Tj.) 638 Stienwyk 168 Stikelfersen (Fryske) 417 Stikelskrift (Frysk) 583 Stimdei 61° Stimrjucht 496, 497, 501, 636, 640 Stinstra (J.) 335, 343 Stjerrekindigen (Fryske) 430 Stjerrekinst 317, 337 Stjerrereligy 77 Stoett (F. A.) 197 Stoke (M.) 59, 410 Strackerjan 30, 31 Straetsboarch 140 Strafrjucht (Frysk) 52, 204 Streamingen (geastlike str. yn Fryslan) 97—100 Strick (L.) 234, 389 Strindberg 642 Stringen 27 Strjitwegen yn Fryslan 651 Stroobos 652 Struiblêdtsjes (Fryske) 686 Struiksma A ) 610 Strijen 288 Stuart (M.) 363 Studinteklub (Fryske) 666, 669 Studinteiibben (Frysk) 86, 96, 160, 215, 359, 387, 401, 701 Stüdzje fen it Frysk 708 Stüdzjeklub (Fryske) 432, 532 Stüke (de) 457 Stijl (I.) 377 Stijl (S.) 351, 368, 464 Styngeaster tille 630 Suffridus Petrus 11, 21, 63, 64, 67, 70, 86, 95, 149, 150, 158, 187, 190, 207, 296, 311, 436 Südbroek 83 Suderkening 116 Suderman 642 Sulco 188 Sulloge (M.) 207 Sumar 681 Suminona (sjuch H. Fennema) 607 Surch 329, 432, 684, 695, 707 Surhüsterfean 630 Suringar (G. T. N.) 415, 429, 430, 438, 444, 451, 485, 491, 583, 584 Suringar (H.) 603 Suringar (W.) 141, 197, 430 Suthergo 56 Swanneblommen 526, 537, 542, 567, 600, 701—710 Swannehalzen 17 Swannepólle 27 Swannen 17, 25, 177, 199 Swanskar 27 Swart (W.) 699 Swastika |j 16 Sweden 49 Swellesang. 26, 547 Sweltsjenêst 26 Swengen (Swarte) 52, 119 Swerus (KI.) 351 Swichum 143, 144, 147, 151, 156, 394, 706 Swildens 368, 486 Swinden (v.) 368, 441, 456 Swirdke fen Arum 16, 18 Swob 26 Swol 651 Swymslach 119 T Tacitus 9, 15, 16, 23, 87, 279, 389, 522 Tadema (J.) 326 Tael (Fryske) 28, 125, 126, 130, 461, 537, 540, 608 Bodders yn 'e Fryske Striid Taelbigjinsels 461 Taelkongres 461 Taelrenaissance (le en 2e Fryske) 384 384 Taelrjucht 300 Taelstüdzje (Forgelykjende) 286 Taelstüdzje (Fryske) 286, sjuch: Stüdzje Taelstüdzje (Germaenske) 290 Taheakke (Wizene) 35 Takamamieden 129 Tale Kanaans 269 Tamfane 23 Tankdagen 198 Teake Doaitses 412 Teellinck (W.) 257 Teerns 130 Teerns (J. S. v.) 422, 427 Teijens (D.) 365 Telegrafy 651 Telinga (T.) 573, 588 Telting (A.) 123, 262, 363, 428—44, 451, 460, 505, 544 Telting Jr. (A.) 443 Telting (I.) 428, 443, 444 Teltsjes (Fryske) 655 Tekstra 703 Terband 370, 656 Terherne 27, 601, 602, 603, 702, 703 Ter Horne 344—45 Ter Kaple 426, 607 Ternaerd 489, 607, 608, 655, 703 Terp (It aade Fryske) 297 Terpófgraving 14 Terpstra (J.) 388, 605 Terpstra (Sj.) 709 Terskliedtsje (Frysk) 397 Tersoal 707 Terwispel 709 Tescklaw (Achlumer) 397, 401 Tesselschade 234, 272 Testeminten (Fryske) 126 Tewesken Hochtijdt 323 Tewesken Kinderbehr 323 Thaborkleaster 70, 176 Thabor (Petrus v.) 80, 81, 82, 190 Thabor (Worp v.) 177 Theodesinde 35 Theodorik &2 Theodosius 113 Thékoepel 337, 632 These en antithese yn 'e Fryske striid 673 Thiatgrim 45 47 Thijm (Alberding) 46 Thyssen (Joh.) 329 Thincsus 17 Thingfrede 20 Thingplicht 56 Tholen (N.) 349 Thor 546 Thorbecke 459, 633 Tiberius 15, 32 Tiboel (J.) 337—39 Tichelaar (Y. F.) 393 Tichthüs 215 Tideman (M.) 349. 396, 459 Tiemersma (O.) 611 Tiemke 219 Tiellens 29 Tietsjerk 610, 710 Tiiddichten (Fryske) 421 Tiidskriften (Fryske) 705, sjuch: Periodiken Tiisdei 17 Tydeman (B. F.) 385 Tynje 707 Typen (Fryske) 594 Tysma (J. W.) 672 Tinkskriften fen Begaerder kleaster 175 Tinkstien fen W. Dykstra 613 Tiras 709 Tiuz 17 Tjaden 186 Tjaerda 75, 133 Tjaerda's 176 Tjaerda v. Starckènborch 75 Tjalma 613 Tjead en Tryntje 432 Tjeard (S.) . 387 Tjeerds (Tobias) 332 Tjerne (Fryske) 237, 243, 244, 259, 264, 365 Tjesckmoar's Seangstme 246, 272, 703 Tjessens 73—84 Tjomme en Wemel 241 Toaniel (Frysk) 215, 343, 363, 465, 516, 642-^14,. 700—710 Toaniel (Jongfr.) 221, 707, sjuch: Toanielstikken 597—99, 606—13, 642 Toast (Fryske) 485 Tol (J. v. d.) 478, 610, 644, 699 Tolhüs 570 Tollens 458, 560 Tohnan (R.) 687, 693, 702, 704, 705, 709 Tolsma (A.) 610 Tolsum 16, 19 Tondern 512, 517, 539 Topografy (Fryske) 505 Toponomy (Fryske) 27 Toppenhuzen 681 Torquatus (feynsjende) 236 Tractaet fen 'e sélannen 105, 120 Tractatus Alvini 65 Tragyk fen it Friezendom 521 Trajanus 17 Tramezini (M.) 152 Treemter 475 Triangulaesj e 151 Trithemius (J.) 151. Troelstra (J.) 478, 611 Troelstra (M. P.) 611 Troelstra (P. J.) 358, 546, 610, 611, 638, 639, 640, 643, 644, 654, 655, 663, 664, 665, 683, 706, 707 Troje 64 Tromp (H. M.) 672 Trotz (C. H.) 345, 347 Tsiiskeappenskip 373 Tsjalbert 536, 572 Tsjerk Ages 657, 666 Tsjerk Walles 107 Tsjerke (Frysk nasjonale) 343 Tsjerkebou 198 Tsjerkefrede 20 Tsjerkerjucht 101 Tsjerketael (Fryske) 491 Tsjerken ünder it Krüs 161 jTsjerkeHk' libben yn Fryslan 702 Tsjerken-oarder fen Dordt 198 Tsjerkgeast i 247, 709 Tsjerkwerd 413 Tsjerne 23, 57, 651 iTsjoenderij 23, 535, 584 Tsjorhmearum 608 Tsjügenis (tiidskrift) 681 Tsjükemar 129, 327, 508 tuinstra (B.) 709 Tuinstra (G.) 611 Tuinen (G. v.) 638 Tulp (G.) 302 Tulp (Y.) 534 Tulp (J.) 534 Tün (Fryske) 337 Turfmeitsjen 177 Turijn 104 Turken 37 Twakamp 62 Twente 440 u Twespraeck v. d. Nederd. Letterkonst 234 Twijnsma (I. S. 387 Twizel 375 Tzjum 592, 634, 671 Ubbena (W.) 99 Uffenbach (Z. C. v.) 294, 295, 309 Uildriks (F. J. v.) 709 Uilkema (K.) 709 Uitterdyk (D.) 709 Ukena (F.) 123 Uleboerden (Fryske) 22, 24, 511 Ulemar 204 Utespegel 229, 582, 591 Ulesprong 327 Ulysses . 147 Ulrich v. Ewsum 153 Ulrick (greve) 81, 104, 105 Ultra-Frisiast 92 Underrjucht yn Frysk 434, 567, 608, 675, 677, 705, 709 Underwys-adres 680 Ungetiid 322 Unia (S.) 105, 107 Uniacodex 292, 505 Uny fen Utert, 166—169, 172, 177, 345, 421, 537 Unwennigens (Fryske) 147—148 Universiteit (Frije) 666, 668, 671 Upstalbeam 20, 48, 106, 120, 175, 178, 206, 402, 403, 508, 511, 542, 681, 705, 709 Urbanus (paus) 62 Urdarwelle 40 Ureterp 702 Uskwerd 46 Uskwerderbrief 118 Utert 35, 45, 70, 105, 135, 144, 274 Ütfining fen 'e boekprintkinst 123 Utforkiezing 86, 585 Uthingboerd fen Hilarides 303 Uthuzen 496 Utilisme 449 Utingeradiel 150 V 't Vader ons in XX talen 291, 296 Valckenaar (J.) 368, 379, 388, 393, 441 Valcoogh (notaris) 58 Valeton (M. C.) 647 Varenacker (Joh.) 110 Varus 71 Veen (B. v. d.) 611 Veen (H. G. v. d.) 494, 551—568, 625 Veen (J. v. d.) 709 Veen dam 612 Veendorp (G. R.) 604, 612, 655, 693 Veenstra (O.) 612 Veerman (O. L.) 672, 681 Vegelin 344 Vegelin v. Claerbergen (N.) 271 Vegelin v. Claerbergen (H.) 334 Vegelin v. Claerbergen (P. F.) 330 Velde (v. d.) 215, 216 Velde (R. v. d.) 466 Vellinga 530 Velstra (T.) 604, 642, 644 Velthem (v.) 410 Veltman (J.) 681 Velzen (S. v. 489, 494, 655 Venema (H.) 331 Venlo 162 Vere A. de) 257 Verhaal v. Leeuwarden 278 Verres 225 Versailles (frede fen) 512 Verstolk 487 Vertoninge (Personele) 244 Vervou (F. v.) 172, 173, 174, 180 435 Vervou (H. L.) 160 Verwijs (E.) 509, 511, 539, 613 Vierssen (A. v. 282 Viglius v. Aytta, sjuch ek Aytta efi Wigle fen A. 38, 135, 136, 141 142—158, 185, 187, 193 Vilvoarden 124, 435 Virgilius 136, 139, 229 Visscher (Roemer) 58, 226, 241, 243 Visser (|ac. J.) 709 Visser (H. W. C. A.) 332, 396, 419, 528, 550 Visser (M. S. E.) 693, 696, 681 Visser (M. Thomas) 644 Visser (Tj.) 709 Vita Frethrici 680 Vitaljebroerren 407 Vitringa 441 Vlieger (G. S.) 612 Vliet (F. de) 289 Vliet (J. de) 257, 259, 286—92, 489 Vliet (P. van) 635 Vlinder (de) 537, 538 Vloodt (Th. v. d.) 709 Vogelweide (W. v. d.) 102,535 Volksalmenak (Friesche) 432 Volksalmenak (Groningsche) 682 Volksblad (Friesch 567, 579, 589 Volksleven (Uit Frieslands) 194 Voltaire 346, 351 Vomelius (S.) 161 Vondel 234, 389, 429, 450, 458 Vorstius 186 Vortigern 212 Vöscuyl 211, 216 Vossius (G.) 257 Vossius (I.) 259, 260 Vreeningen (J. v.) 709 Vriendenkring 595 Vries (A. de) 681, 693 Vries (D. de) 537 Vries G. de) 640 Vries (H. H. de) 234 Vries (J. de) 72 Vries (J. D. C. de) 612 Vries (J. Vredeman de) 222 Vries (M. de) 389, 463, 538 Vries (Si. de) 642 Vries (Th. A. de) 681,693,709 Vries (W. P. de) 478, 604, 612, 655 Vrijburg (W.) 604, 612 Vrijmoedigheid van een huisman 395 Vulcanius Bonaventura 286 Vulgaet 153 w Waayen (J. v. d.) 323 Waalkes (v. Borssum) 96 Waardenburg (A.) 272 Waatze Gribberts Brilloft 323—325, 392, 396 Wabbe (vikaris) 127 Wachenzie 39 Wad 520, 521 Wadstein 47 Waer (lt w. yn Fryslén) 92 Waechslaeike fen Tolsum 16, 19 Waeksens 39, 397, 450, 489 Wagenaar (L.) 172, 417, 645, 646, 654, 683 Wageningen thoe Dekema (J. H. J. v.) 655, 667 Waghenbrugge 118 Wagner 254 Wal (G. de) 134, 208 Wal J. de) 206 Wal (E. v. d.) 600, 612 Waldemar 71 Wélden (Dokkumer) 572 Waldsang 544 Waldsein 27, 94, 600 Waldtsjers 374 Walhalla 41, 467, 665 Walkyren 17 Wallaeus 290 Wallenstein 660 Walma (P. C.) 652 Walpurgisnacht 519 Walta (P.) 197 Walter (F.) 206 Walther von Vogelweide 102, 535 Wangereach 310, 507 Wapenboek 192 Warffum 708 Wargea 143, 332, 335, 608, 611, 638, 653, 701 Warkum 100, 132, 224, 278, 302, 307, 413, 457, 464, 701, 709 Warnar (Roemer) 211 Warners (H. F. v.) 612, 655 Warnerse (P.) 195 Warns 332, 608, 710 Warten 21, 118, 703, 710 Wartena (D.) 612 Wartena (J. A.) 604 Wartena (S.) 612 Washington 368 Wassenaar 362, 571 Wassenbergh (A.) 432 Wassenbergh (E.) 31, 137, 193, 194, 271. 272, 280, 289, 339, 347, 379, 384—401, 407, 408, 413, 422, 423, 428, 458 Wassenberghers 267, 431, 533, 541 Wate 48 Water (W. te) 331 Waterink (J.) 680 Watse (Greate) 401, 432 Wattema (A.) 403 Weachbriefkes 481—82 Wedeman (J.) 216 Wedke teare 25 Weesp 301 Weg (C. D. v. d.) 612 Weichselkriten 18 Weidum 125, 704, 707 Wey (J. J. v. d.) 495, 709 Welmoed -6 Wenden (de seis) 71, 117 Wenning (Y.) 709 Werbreeck H" Werdum 313, f33 Werf (G. v. d.) f33 Werner (J.) Wesbonk (S. E.) 680 Westendorp (N.) 175, 424 Westdongeradiel 340, 364, 407, 408, (sjuch: Dongeradiel) Westerbaen 236,3~ Westerbroek 423 Westerein 27, 457, 464, 703 Westergeest 27, 365, 375 Westergoa 44, 56, 62, 132, 163, 169, 237 Westerlan 515 Westerlauwerske rjuchten • 103 Westermann (G.) 709 Wester-Nijtsjerk 704 Westminster Review 491 Westfaelske foltstael 323 Wêst-Fryslan 120 Westhim 203 Westsaen 334 Wet des Hearen (birymke), sjuch Dekalog 327, 328 Wetsteen der Vernuften 246 Wetten (Fryske) 19, 39, 47, 72, 100 —123, 205, 259, 345, 369, 501, 502, 503, 505, 511 Wetterfloeden 92, 93, 94, 175 Wetterlan (Frysk) M 601, 602, 706 Wetterpoarte 200 Wezer 9, 44, 120, 123, 131, 151 Wêzen (Frysk) 517 Wiarda 109, 205, 315 Wiarda (D.) 402 Wiarda (F. D.) 188, 508 Wiarda (Tj.) 402 Wiarda (T. D.) 402—406 Wiarda (Tsj.) 148 Wiardastate 270, 271 Wibinga (Th.) 234 Wicht (E. F. v.) 109 Wicht (M. v.) 403 Widekenis 40 Widingers 516 Widukind 40, 44 Widzesang (Fryske) 471, 473, 479, ' 485 Wiedingharde 83 Wielsma (C.) 608,.612, 613, 655, 708 Wier 708 Wierd Wvpkes 83 Wferda (Tj. J.) 529 Wierdsma 109, 502, 505 Wierdsma (P.) 107, 349, 369, 403, 405, 464, 503 Wieren (J. D. v.) 702 Wiersizzerij 20, 356—58 Wiersma (Ids) 255, 466, 478, 612, 695 Wiersma (J. P.) 519, 520, 693, 699, - 702, 710 Wierstra (P. J.) 612 Wierum 196 Wieuwerd 422 Wigbert 34 Wigeri (P.) 396 Wigle (v. Aytta) 142—158, sjuch fierders: Viglius en Aytta Wybe (skerne) 196 Wybenga (Th.) 282 Wybenga (A. M.) 417, 672, 678, 681, 682, 693, 701 Wybrand Michiels 220,221 Wybrandi (S. Tigler) 708 Wygers (W.) 336 Wyk 519, 521 Wykblêd (Frysk) 646 Wijma (D.) 612 Wijma (R.) 301 Wymbritseradiel 82, 119, 160, 610 Wymderland 123 Wymede 131 Wijn (H. v.) 348 Wynaem 16, 583 Wijnalda (Age) 334 Wynikkers 27 Wynjeterp 607, 614 Wyns 640 Wynstra (F. J.) 710 Wirsenakerf 119 Wytfean 612 Wytmarsum 199, 237, 240, 343, 414, 610, 626, 707 Wytthye (skerne) 81 Wytzema (U. H.) 233 Wikel 24, 27, 610 Wftingen 57, 58, 72, 524 Wikingdom . 57, 433, 523 Wikingtiid 18,. 71, 142 Wilde (Oscar) 644 Wildemar 439 Wildinghe H9 WHhelmy (P. A.) 612 Wilhelmina f. Prusen 351 WHhelmina (keninginne) 666 Wilkerren 118, 120 l Wiikien (Reins) 203 i WBkins (D.) 307 Willebrord 9, 34, 35, 36, 51, 69, 70, 74, 296 Willehad 44 Wilhelmus (keizer) 62, 131 Willem I (kening) 326, 408, 409, 442, 447, 450, 489, 493 Willem II (kening) 477 Willem III (kening) 610 Willem fen Oranje 440 Willem (greve) 142 Willem II (steedhalder) 236 Willem IV (steedh&lder) 367 Willem V (steedhalder) 346, 351, 354, 361, 362 Willem Lodewyk (steedhalder) 168, 169, 172, 173, 180, 186, 203, 215, 666 Willem v. Hildegaersberch 66 Windsma (R. B.) 528, 541, 550, 617, 663 Wilson (Fr.) 344 Windsor 292, 259 Winingalan 123 Winkel 58 Winkelman (J.) 708, 710 Winkemaland 131 Winkler (Johan) 31, 401, 466, 478, 509, 511, 519, 590, 604, 609, 648, 650, 655 Winkler Prins (A.) 536 Winsemius (P.) 11, 21, 38, 61, 73, 87 95, 164, 179, 183, 187, 190, 214, 234, 436, 441 Winsum 62, 706 Winter (Fryske) 231, 334 Winterjoun (Fryske) 341, 573, 589, 593, 600 Winterjounenocht (Fryske) 556, 571, 572, 579, 595, 596, 621, 650 Wipo 116 Wirdboek (Eastfrysk) 310 Wirdboek (Gotysk) 291 Wirdboek (Grinslansk) 702 Wirdboek (Frysk) sjuch Lexicon, Idiotikon, en 510, 511, 603, 605, 613, 682 Wirdboek (Nederlansk-Frysk 681, 682 Wirdkeppeljen fen Gysb. Japiks 275 414 Wirdöflieding (Fryske) 299 Wirdum (Fr.) 27, 107, 118, 143,291, 317, 394, 570, 608, 609, 612, 704 Wirdum (Gr.) 224, 348 Wirkmansforiening (Fryske) 634 Wirsenakerf 119 Wirth (H.) 22, 24, 511 Wiskinstners (Fryske) 222—228 Witte (D. J. de) 672, 681 Wite wier rum 175, 190 Witmond 312 Wittenberch 182 Wjirm (wylde) 211 Wfitewimelsa 119 Woastrjucht 62 Wobbelke 241, 259 Wodan 25, 40 Wolburch (St.), sjuch Leermens Wolff 552 Wolfram v. Eschenbach 102 Wolsum 528 Wolvegea 572 Wommels 550, 607, 609, 610, 680 Worms 205 Wormser (J. A.) 632 Worp fen Thabor 87, 95, 176, 190, sjuch Thabor Woude (T. v. d.) 571 Wouters (M.) 361 Wouterswald 27, 374, 559 Wrake (Fryske) 87 Wrald en Fryslan, sjuch Kalma Wraldkaerten 151 Wraldkriich 704 Wraldkroniken 64, 104 Wraldspegel 140 Wrigge (wylde) 21 Wubbena (Joh.) 280, 281 Wuk 450 Wulfram 40, 41, 42 Wulpesan 37 Wumkes (G. A.) 84, 272, 283, 401, 427, 466, 478, 479, 485, 494, 511, 579, 613, 632, 644, 650, 667, 671, 674, 677, 678, 680, 681, 682 Wünderdokter (Fryske) 681 Wünderleauwe 175 Wündersucht 81 Wüns 335, 413, 418, 420, 465, 642, 662, 665 Wünseradiel 61, 119 Wursingen 55 Wursten 311 Z Zacharias Dejotarus 144 Zee (F. J. de) 605, 612 Zee (Si. de) 73, 478, 590, 605, 612, 644, 692, 693, 696, 699 Zee (E. v. d.) 710 Zee (H. v. d.) 613 Zeldenrust (Q.) 693, 710 Zeper (Waller (S. A.) 667 Zietta 128, 129 Zylstra (D. H.) 613, 632, 644 Zylstra (Rintsje) 590, 613 Zylstra (Rinze) 645—50 Zylstra (W. L.) 710 Zypp (N. v. d.) 702, 710 Zilersliet (Frysk) 351 Zirschky (Chr. G.) 613 Zuidema (W.) 219 Zuylen v. Nijevelt (J. A.) 349 Zwaag (G. L. v. d.) 579, 613, 638, 639, 644, 654 Zwart (E.) 686, 710 Zwart (W.) 707, 710 Zwingli 159 BODDERS YN DE FRYSKE STRIID Dr. G. A. WUMKES j BODDERS YN DE FRYSKE STRIID FEN Dr. G. A. WUMKES A. J. OSINGA — BOALSERT — 1926 Wy kinne neat dwaen as wachtsje. It doel fen üs bodzjen en striden is om it wachtsjen ynhald to jaen. En dy „Advent" hat for ós skientme en sillichheid. Oan alle meisttidevs for heger, frijer Fvyslan. FOAROPWIRD Dit boek giet yn d' earste opslach net nei de miene fakljue yn Fryske taelwittenskip, mar nei alle goede Friezen mids üs eigen swetten, nei üs stambroerren om utens, en net it minst nei de jongerein, dy't üs hope is for 'e takomst De frjeonen fen it ald lan hiene allang forlet fen in paedheder, dy't hjar joech: ridskip, striidreau, spylark. Do bin ik oan 'e pinne gien en skreau sont 1919 in rige opstellen yn it Fryske wykblêd It Heitelan. Dy haw ik hjir omwirke, formeardere, titwreide, gearfette. It hat lang durre foar en alear it safier wier. Mar ik woe jaen hwet ik koe. De warberens fen myn meistriders en de moed fen 'e ütjower for de ütjefte «teren my oan. En nou is hjir yn 'e foarm fen libbensbylden omgetten hwet fier en hein forspraet leit yn tiidskriften en jierboekjes, yn kranten en forslaggen, yn brieven en brosjures. De rige portretten is net achteleas gearfoege. Dêr rint in tne, dy't hjarren bynt oan de iene Fryske striid mei hjar slingerslaggen en dramatyske konflikten. Men hat my oansocht dit boek yn it Hollansk to skriuwen, den waerd de omset greater. Mar dat like my forried oan eigen sprake, dy't langernóch Yeskepüster west hat. Wy binne, Godtank, de waen to boppe, det inkel Kekke yn 'e yester en jurjen yn it büthtis der hjar mei rédde moatte. Master Gysbert, dy't Fryske skientme en Easterske harplüden sloech yn Fryske wirden bliuwt myn foarbyld. Us taelstriid scil njunkelytsen for Nederlan in fortrietlik fraechstik wirde. De Maetskippij fen Nederlanske letterkinde hat niis ütmakke, det it Frysk fen 'e priis for it béste letterkindich wirk utsletten waerd „als zijnde een eigen taal." Och, fen heger han woe men us sprake wol slite. Men is der forlegen mei yn it steatsforban. En de Fryske aksje, dy't de bisteande taeltirannije foroardielet, waechset ban. Dy biweging is net makke, mar groeid. It is in stadige Üntjowing, lyk as de Skrift seit: „Earst de halm, den de ier, dêrnei it folsleine sied yn 'e ier." Men mei it in 'godswünder neame, det it ynderlik gnauwen fen 'e ieuwen üs Fryske hus net formóge hat. Dér hawwe tiden west, dy't yen it profetewird tobinnen bringe: „De Sionfaem is oerbleaun as in hutte yn *e wynberch, as in nachtklinte yn 'e hóving," mar ek tiden, dy't yen yndachtich meitsje dat oare wird: „Sa seit de Heare tsjin it deadsbiente: „Ik scil geast yn dy bringe, detstü'libben wirdst." Dit delgeande én riizjende libben, dat mei tüzen triedden forboun is oan it forline fen üs folts, is gjin kleijen bleaun fen 'e nachtwyn troch pünfallen. Ut de öfblêdde beamstobbe knoppen twigen, dy't tsjügenis óflizze fen foltskrêft, dy't earne djip ünder 'e toarjende bast yette tynde. In Fryske skriftekennisse, in Frysk foltstoaniel, Fryske psalmen, in Fryske bibel üntsteane. It is net sa hiel folie, mar it wevet, it giet, it avensearret. Wy binne de woastenije toboppe! As ik üs nederige klüs oansjuch, kin ik mei de sjenner ütroppe: „Ho goed binne dyn tinten, Jakob! dyn wenten, Israël!" Dy üntjowing sont de Germaenske heltegloarje troch nacht en dea hinne ne* de werberte lit dit boek sjen yn it libben fen üs greate wachters, dy't it sein op ünfeilich smieten, de need fen Fryslan ütrópen en yn dieden omsetten. Sünder geastlike forbining mei dizze tsjügen hat it nasjonale foltslibben gjin woltier. Dizze haedmannen binne yn ljochte moarntiden en rüzige nachten better riedsljue as de ynfal fen in amerijke. It rêstich biskögjen fen üs forline en it diger forearjen fen üs baenbrekkers is de sterke woartel fen in soun en ünthjittend Frysk foltslibben. In folts, dat syn hillige oantinkens hoedet, forheget syn selswêzen en eigenwearde. Wy stille God de wei mei Fryslan net foarskriuwe, mar it is üs net itselde eft de stoarm fen it lot in wif folts weireaget, ef det in fêste stamme him de stege kop biedt. Wy stille üs forwachtings net to heech spanne. De skiednis warsköget dêrfor. Mar de forwitings fen it neiteam stille ienris üs treffe, as wy in kans, ho lyts ek, fortuteazje litte. Ginsten bigearje wy net fen 'e ljue, dy't oan 'e tafel fen it foarrjucht sitte. Fryslan scil stean op syn ienfaldich, hillich rjucht en sür helje moatte, hwet it net krije kin. En net lans in wei fen opstan en misdiedich forset, net lans it paed fen frjemde bilangen, mar lans de earlike, wetlike wei fen wachtsjen, freedsum oerreedzjen en doelmiettich gearlüken fen alle Fryske krêften. De krêft moat net forsplintere wirde troch lyts skeel. Ienriedich moat it optsjen wêze nei in doel, dat de striid leannet. Wylst myn libbensjoun bigjint to tallen, winskje ik somtiden, det ik yette stean mocht op 'e middeihichte om mei jonge krêft my jaen to kinnen oan de heitelanske idealen mei hjar wide kimen. Hwet alder ik wird, hwet mear de wündere djipten fen 'e Fryske foltssiele my forbjusterje kinne. Hündert kear freegje ik my óf, hwet it mei dit folts wirde scil. En jimmeroan kom ik ta it antwird: As de slomjende krêften üt 'e djipten losbrekke ta in gleon teisterjen, den stille der hege tiden neakje, det de dagen fol binne. Den scil de died slaen^t'hert en holle. En den is for Hollan to winskjen, det de Pfjwke Huw de tosken net sjen lit. O God! nim fen üs herte wei de grime en it üngedild. Greate foltsene Rjuchter! lit de lampe fen Fryslan barne mei ünforbritsen glans! Huzum, dizze 25e dei fen Wynmoanne 1926. G. A. WUMKES. YNHALD Blêdside Oanrin 9 Redbad 32 Bernlef 44 Alwin 55 Tjessens 73 Aedo Aedes Jonghama 85 Hidde Cammingha 97 Reyner Bogerman 124 Wigle fen Aytta H2 Karei Roorda 159 Ubbo Emmius 175 Jurjen fen Burmania 192 Sybren Siccama 198 Jan Starter 209 Petrus Baardt 222 Gysbert Japiks 233 Simen Abbes Gabbema 273 Johannes de Vliet 286 Johannes Hilarides 293 Johannes Cadovius Muller 310 Simen en Jan Althuysen 316 G. F. baron thoe Schwartzenberg 344 Feike Hiddes van der Ploeg 351 Eelke Meinderts 364 Dirk Lenige 377 Everwinus Wassenbergh 384 Blêdside Tilemann Dothias Wiarda 402 Albert ten Broecke Hoekstra 407 Jan Knjilles Piter Salverda 412 Martinus Theodorus Laurman 421 Albartus Telting 428 John Bowring 445 Joast Hiddes Halbertsma 453 Eeltsje Halbertsma 467 Tsjalling Halbertsma 480 Rinse Posthumus 487 Jhr. Montanus de Haan Hettema 495 Hansen Sr. en Jr 512 Dr. Knut Jungbohn Clement . . . . .521 Harmen Sytstra en Tiede Dykstra 528 Her re Gerrits van der Veen 551 Jentsje Sytema 569 Waling Dykstra 580 Tjibbe Gearts van der Meulen 614 Oebele Stellingwerf 633 Rinze Zylstra 645 Lótzen Wagenaar 651 Sipke Huismans 668 Meint Bottema 683 Taheakke op 'e list fen wirkers en meistriders 700 Blêdwizer op saken, persoanen, plakken 711 OANRIN OM it wêzen en de djipste roersels fen 'e Fryske striid waer to nimmen, lit men de ivige sang fen 'e foartiid om yen hinne rüzje. Troch dat liet rint de gouden trie fen it iene, great-Fryske stamlibben, sa't it yn forrin fen ieuwen sprute, bloeide, kwynde. Amper dükje de Friezen op yn 'e stoarje fen 'e folken, eft hja hawwe de namme gens. En gens is it forban fen stammen mei deselde nammen en brükmen. De Latynske skriuwers Plinius en Tacitus mielje it lot fen de „gens Frisiorum" (Frisiavonum). Bonifacius skriuwt yn 755 oan paus Stephanus III: „Paus Sergius hat Willebrordus ta biskop wijd en as sindling ütstjürd om de heidenske „gens Fresorum" to bipreekjen oan 'e iggen fen 'e Wester-oséaen." Adam fen Bremen hat yn syn tsjerkeskiednis (Ao 1050) dizze jubelrop: „De Almachtige hat it Friezenfolk lyk as it Saksenfolk de doar fen it kerstenleauwe iependien." Dizze uteringen reitsje net it steat- en ierdrykskindige, mar de organyske libbens-oarsprongen, mei ien leauwe, ien rjucht, ien deaderitus. Hjir is fen tapassing it wird: „Trije binne der, dy't tsjügje: it wetter, it fjür en it bloed, en dy trije binne ien.'' Dêr wier foar alle dingen de wylde, bruzjende sé, mar de Fryske viking helde him sékening by it razen fen 'e eleminten, by it kreakjen fen 'e mesten, en tsjin de hege floed sloech er in gouden hoep om syn erflan. Dêr wier de gleone kamp tsjin 'e ynkringer, mar de frije Fries, fen bügjen frjemd, stie him mei it swird yn 'e fust. Dêr wier de sibbe bloedban mei syn stamneaten it hiele Noardséstrt» tóns, fen Brugge oant de Wezer. En ien fijan, ien gefaer, ien lijen, ien frijheid, ien sprake, ien brükme, ien sang en saga smeide dy ban gleoner en sterker. Op dat forban sloech de munt fen keizer Koenraed II, de greate Saliër, for de sauntjin Fryske goaën mei it ranskrift FR ES ON IA (Ao 1030). Dêr doelde de kaert op fen David Fabricius, dominy to Esens (Ao 1610). It stamlan is ütbylde mei syn swetten fen Fly oant Jahde. Op 'e ranne steane de plattegrounen fen Ljouwert, Frjentsjer en Emden, njunken de byltenissen fen de greven Willem Lodewyk en Enno, en fen Friezen .yn nasjonale dracht mei it ünderskrift: „Alde en nije naesje." Datselde Frysk-nasjonale leit yn 'e titel fen dizze trije boeken: Friesche Lusthof fen Starter (1627), Friesche Sterrekonst fen Holwarda (1650) en Friesche Godgeleerdheid fen Balthazar Bekker (1693). It leit yn dy^fjouwer selsume ütjeften: It Rjuechtboek fen alre frya Freezena fen Hidde Cammingha (1460), De Uitbeelding der Heerlikheid Friesland fen B. Schotanus a Sterringa (1698), Het Groot Placaat- en Charterboek fen baron Schwartzenberg (1768), en Het Stamboek van den Frieschen adel fen De Haan Hettema en van Halmaël (1846). It leit yn üs kronyken, yn Kempius syn De origine, situ, qualitate et quantitate Frisiae (1588), yn Suffridus Petrus syn De Frisiorum antiquitate et origine (1590), yn Ubbo Emmius syn Rerum Frisicarum historiae (1604), yn Hamconius syn Frisia (1609), yn Bernardus Furmerius syn Annalium Phrisicorum libri tres (1609), yn Pierius Winsemius syn Historiarum libri II (1629), yn Hilarides syn It aade Fryske Terp (1677). It leit yn de Frisia Nobilis of Lyk- en Graf-sampt Mengeldigten op diverse Friesche edelen (1755) en yn it wykblêd De Friesche Patriot (1786). It leit yn 'e stifting fen 'e Frentsjerter hegeskoalle (1585), yn in eigen steedhalder, yn in eigen leger en float, yn in eigen tsjerken-oarder, yn in eigen, apart plak yn 'e Utertske Uny. Dit stamlibben spriek by Tiede Dykstra en Harmen Sytstra, do't hja it Frysk Selskip stiftene, en by hjar frjeon Yeb Feenstra. Dat wier in Kükhernster sékaptein; dy foer op China en Japan, hy forlear syn skip op in kraelrif yn 'e Stille Oséaen, mar nea net koe er it heitelan forjitte. Yn 1861 skreau er oan 'e foarmannen fen it Selskip: „Alhowol myn tsjinst my fier fen de ljeave bertegroun haldt, bliuw ik Frysk fen herte en Frysk fen sin, en altiten flijt it my sa, as ik mar de allergeringste foarütgong fen üs nasjonaliteit fornimme mei." Dizze ivige sang fen it bloed rüzet oant hjoed de dei troch. En nimmen kin it üs kwea nimme, as wy dit Frysk-nasjonale jilde litte. Men kin dochs net de forrieder fen eigen aerd en wezen spylje. Scoe it net üt en troch en ta God wêze, as wy üssels binne en stride for in Frysk Friezendom en in Frysk Fryslan? Hündert kear is de ald wyljenbeam mei de forkankere rompe dea forklearre, mar elts nij foarjier skeat er wer nije leaten üt. Yette yn syn dea scil er yette glimkje. Dy't de triedden fen dit ynlik Titelprint fen Hamconius' Frisia. libben net ken, ken nea net in suver skiedbyld krije fen üs folk, fen syn tael, fen syn skriftekennisse, fen syn kinst en emigraesje. De Fryske striid giet om it bihaïd fen üs ald-Germaensk wezen, dat yn gefaer is. Hwer is üs earekroane, üs eachweiding, üs wraldnamme? Hwer is üs stoere übbens-halding? Hwer is üs dichter, d'yt it forlossend wird sprekt? Hwer is üs lieder, dy't mei sterke han de ynderlike spjalting weinimt? Hwer is de foarman, dy't üs boeren wekker makket for eigen saek? Hjir mei de profeet komme en sprekke : Hwet is it goud goar wirden, it eale sulver bislein! Ho leit it hillich stiente forsmoarge op 't strjitte? De ütmannen müskopje en freegje spytgnyskjend: Is dit de Fryske walkyre, folslein yn skientme? Dan stille wy anderje: de Heare hat it dien, Syn wird is neikomd, Syn ried bistiet. Hy hat it mjitsnoer spand yn syn grammoedigens, Hy hat öfbritsen en net sparre. Fryslan, hwermei is dyn leed to forlykjen? Lit dyn triennen drippe, de each-apel rêste net. Mar alhowol de fêste pleatsen fordoarn lizze, Us hope is op de Heare, üs Ontfermer, It binne Syn woldiedichheden, det wy net forkomd binne, Lit üs syn wegen ündersiikje en werkeare ta de Heare, Lit üt de hannen optille en de herten, sizzende: Wy hawwe oertrêdde en oerhearrich wést, Dêrom hawwe Jy üs net sparre yn Jins gerjuchtigens. Heare, Jy sitte yn ivichheid, Jins troane Is fen slachte oant slachte. Hwerom scoene Jy Us forjitte? Heare, bikear üs ta Jo, Dan stille wy bikeard wêze. Fornij üs dagen As fen aids. En nou nei de goudfjilden! De ündersiker giet foarop, stekt de lodde yn 'e Fryske groun en lit de goud-ieren sjen. Hy panderet nei de Fryske mar en spoart goudkerlen op twisken it weagjend reid. Hy rint in flinter nei yn it Fryske hóf en fynt stöfgoud op 'e wjukken. En hat de Fryske miede gjin gouden kransen fen bü terblommen ? Ik wol mar sizze: wy geane nei it wünderlan fen 'e Fryske romantyk, fen 'e Fryske bernesiel, nei de flamjende heltetiid fen it Fryske Germanendom. De earste tocht is nei in terpófgraving. As jong dominy plichte ik de Fivelgoaër „wierden," dy't oan 'e sneed rekken, by de streek lans to bisiikjen. Dat wier learsum wirk. Fen arbeiders en terpbazen fornaem ik allerlei nijsgjirrigens, en in lytse samling terpaldheden waerd mines. Dy woechs neigeraden en mannich kear koe dy tsjinst dwaen yn 'e Snitser learkeamer, as de Fryske foartiid de tekst for it jongfolk wier. Eltse Fryske skoalle moast sa'n foech samling terpaldheden hawwe. En in ütstapke fen master en bern nei sa'n öfgraving achtsje ik fen mear nut to wêzen as in reis nei den Haech. Nou hat men noch in kans, mar de tüd is net fier, det dizze wünderwirken wei binne. Terp fen Hegebeintum. Dr. J. H. Holwerda jowt op syn aldheidkindige kaert üt 'e rügens 500 Fryske en Grinzer terpen oan as berchplakken fen alde kultueren, de aldste grif fen 300 jier foar Christus' berte. Hokker forskaet fen dingen leit de lodde dêr net bleat üt it primitive boerelibben fen 'e affaer: it byntwirk fen 'e heaskürren, de peallen fen 'e kouwestallen, de drinkdobben fen it fé, de hierkamen, mantelspjelden en pangüd fen 'e frouljue, it fiskersark en ridskip fen 'e manljue, it boartersreau (fluitsje, bikkel en rinkelbel) fen 'e bern, de urnen mei wijjeften fen 'e deaden, ja seis de koaijen üt 'e ljippenêsten, en safolle oarc dingen, tofolle om to neamen. It bringt yen allegearre sa hiel tichteby it fiere forline. Mei hwet stüdzje en foarstellingskrêft bout men yn 'e fantasije sa'n hiele Fryske terpdelsetting wer op. En den is 't net in earmtlik byld fen healneaken wyldemannen yn bearehüdeh, mar fen in skoander minskelaech, dat prachtsoldaten levere oan 'e keizerlike garde to Rome. Dante yn 'e 31e sang fen syn Inferno hellet noch sokke Friezen as foarbylden fen 'e allerheechste statuer oan. Nést dit stofhke stiet it net minder heech geastlik bistean, dat fetber wier for de meast forskate kultuerynfloeden. De oanreitsing fen 'e Fryske stam mei de dragers fen de südlike biskaving koe net ütbliuwe. Alhiel üt Grikelan wei, dwers troch Servië en Posen hinne, makken Grykske keapljue Ontdekkingsreizen nei it Germaenske Noarden. Sa kamen hja ek op üs Noardsé-eilannen; dy neamden hja Elektrides, d.i. barnstien-eilannen. Hja koften fen 'e biwenners barnstien, dêr't yn Grikelan ringen en kralen en oare forsiersels fen makke waerden, en fierders brochten hja alderlei fantastyske forhalen oer 'e Noardsé-biwenners mei nei hüs. De Grykske skriuwer Pytheas fen Massilia (325 foar Chr.) hat dy toboek steld yn syn geskrift Oer 'e Oséaen, dat spitigernöch forlern rekke is, mar dêr't Plinius en oare Romeinske skriuwers wèr hjar materiael üt hellen. De Noardsé biskriuwt er as in binnensé, lyk as hjoeddeis de Eastsé, mei minder tij en mei kusten, dy't spounzich wierne as in long en ryk oan barnstien. Doggersbank en Hilgelan wierne do nei alle gedachten de fornaemste eilannen. De militaire ekspedysjes fen 'e Romeinen troffen in oar doel. Drusus foer yn 12 foar Chr. twisken de Fryske kust en de eilannen troch en oermastere dy. De geografyske ütkomsten fen dy tocht fynt men yn Plinius' Historia Naturalis IV, 97. Nei Drusus kaem Tiberius, 4 jier foar Chr. alhiel oan 'e spits fen Jutlan ta. Do folge Germanicus, 16 jier nei Chr. Tacitus, de léste klassike skriuwer fen 'e Romeinske aldheid hat der alderlei fen yn 'e pinne nomd. Op him foei de glans fen it iene keizerlike hóf nei it oare, mar it forbline him net. As great minskekenner seach er de legere driuwfearren fen syn formidden. Wielde en singeniet wearzgen him. Ienfald en sels-tucht wierne him it semint fen in frij, sterk folk. Dat tinkbyld bistjürde syn han as skiedskriuwer. Hy pinfiske yn Senaets-akten, praette mei ofsieren en soldaten, en krige tynge fen reizgers. It Germaenske gefaer drige. Friezen hiene Rome al bisingele yn keizer Nero's tiden. It „blonde beest" waerd de greate fijan. Dochs makke dy ünbidimbere, nije krêft syn biwündering geande. Dit skimeret troch syn Historiën en Annalen, mar binammen troch syn Germania hinne. Oan him tankje wy alderlei ynljochtings oer 'e Friezen. Hjar regear wier monarchysk taspitse. Hja wierne frijheidljeavjend en striidfirdich. Yn 28 nei Christus foelen 900 Romeinen „apud lucum quem Baduhennae vocant," d.i. by it saneamde hjelwald fen Baduhenna (walkyre ef striidfaem). Sünder Tacitus scoe it byld, dat wy fen 'e Fryske affaers makken, tige dizich wêze. TrochT him kriget it libben en kleur. Dêr hat men al dy stive nekken, dy't hjar net ünder it jok twinge litte. Hjir forstiet men al de wierheid fen paus Aeneas Sylvius syn sizzen : „De Friezen kinne net fele det by hjarren immen boppe de oaren ütstekt." Hja wierne de meast aristokratyske en tagelyk de meast demokratyske stam fen 'e Germanen. It jowt in sünderlingé oandwaning byhwennear men yn it Frysk muséum to Ljouwert de reliken fen dit greathertich folk üt dy izeren tiid lizzen sjucht. Dêr leit in ynmoaije, mei slangornemint biwirke, biennen hierkaemslüf, in swier gouden spanje mei allerkinstichst triedwirk. Dêr stiet de forneamde geloftestien fen Hludana, de ierdgoadinne (Nehalennia, Holda) üt 'e Bitgumer terp (1888) mei it ynskrift: „Oan de goadinne Hludana hawwe de pachters fen 'e fiskerij, ünder 'e bidriuws-lieder Quintus Valerius, hjar gelofte bitelle, frijwillich en nei fortsjinste." Dêr is it swirdke fen Arum mei heimige runen, dy Germaenske hieroglyphen, en it waechslaeike fen Tolsum. Dêr binne sierlike brünzen byldkes fen Ares en Fortuna. Dêr sjucht men seldsume gemmen en gouden munten üt 'e tiid fen 'e folksforhuzing mei figuren, dy't yen de tsjustere stallen tobinnenbringe fen 'e rotsbylden yn Gotlan en de Midgardslange üt de Edda. Dêr fynt men üt deselde tiid de diggel fen in skoandere Saksyske urn mei swastika (heakekrüs), it ünk-öfwarrend teiken, dat de Winamer terp joech. As men dit allegearre gearfettet en de rekken opmakket, is de ütkomst: in heech kultuerpeil! Dit wirdt bifêstige troch de grêfmonuminten fen Fryske militairen om utens, binammen yn Ingelari en Rynlan. Yn it Britsk muséum is in stien mei in 17-rigelich opskrift, dat in lofspraek ynhaldt fen keizer Trajanus op Fryske legioensoldaten. Yn 230 nei Christus rjuchten Fryske hynsteriders by de mürre fen Hadrianus (by Housesteads) in alter op for hjar god Thincsus (— Tiuz, forgel. Tiisdei) en twa Walkyren. Syn attributen stean der by: de swan en twa sinnerédden, en it binne mear as formoedens, byhwennear men de swannehalzen op üs boereskürren ek as in godstsjinstich stamsymboal biskóget. It is ek sa opmerklik, det dy Fryske hynsteriders hjar Frisiavones neamden. Dit tsjut wer op in religieus forboun fen forskate oare lytse stammen, dy't hjar kom-óf oan ien miene foarfaer taskreaunen en mei inoar hjar hjeldagen haldden op deselde froneker (Hd. Hain). Der moat dan ek tige klam op lein wirde, det de aldfryske fraech- stikken de breedgermaenske skóging net forlieze. Wy binne in tüke fen 'e wiid-earmige Germaenske ikebeam, der't ek Saksen, Angelen, Gothen en Noaren oan fêstsitte, en dêr't Seneca, de wysgear, yn syn Dialogen (III 11, 3) de ütrop oer die: „Germanorum, quid est animosius, quid ad incursum acrius! d.i.: hwet is gleoner, hwet fülbandiger ta de oanfal as it Germanendom! De earste Fryske oarsprongen geane tobek nei it miene Germaenske stamlan, dat men yette altiten siket. De letterkindige oerlevering wiisde nei it Basten, mar de archeologyske ütkomsten wize nei it Noarden. Kossinna hat yn de Indo-germanische For- Wijstien fen Hludana yn it Frysk Muséum. schungen VII, 276 oannimlik makke, det de stamsaga fen 'e Goten, hjar oarsprong üt Skandinavië oanbilangjende, op histoaryske grounslach rêst en det ek oare Germaenske stammen, lyk as de Friezen, dêrwei komd binne. Dit probleem stiet wer yn forban mei dat fen de Indo-Germanen hjar oarwenten. It léste tinkbyld, dat men dêroer oppere hat is: De Germanen binne üntstien üt in aldere, ynhiemske bifolking oan 'e Eastsé-iggen en in kliber Indo-Germanen üt 'e Weichsel-kriten. Tonei rekken hja Ünder 'e hearskippij fen 'e Kelten (6e ieu foar Christus). In pear hündert jier letter waerden hja dêr wer frij fen. Sa wol men ek forklearje de ündergong fen 'e heechsteande praehistoaryske Noard-Jeropeeske kultuer. Gjin tekstesamling bringt yen tichter by de Fryske folkssiele as it korpus fen de alde Fryske wetten. In iepenbiering fen aldfrysk libben trillet yen üt dy kerren en kêsten, doemen en wenden, lan- Runen op it swirdke fen Arum yn it Frysk Museum. rjuchten en syndrjuchten, boeten en eden tomiette. Gjin lyklucht fen deade rjuchtleardens strüst oer dy blêdden. Hjir bloeit it blomte fen libben folksrjucht, fen godstsjinst, fen saga en stoarje, en dy allegearre ta ien kleed biweve. Hjir steane skatkeamers iepen for taelkinde en folkskinde, dy't gjin ieuwen leechhelje kinne. De ynhald wier mien güd net fen ien pleiter, mar fen ien folk, hwaens fielings it wearspegele mei klam en klank. En hokker klank! De wirden klinke steatlik, preesterlik, sakrael. Hja hawwe toverkrêft, lyk as it „Amen" fen in bea. Dêrta tsjinje dy algedurige alliteraesjes lyk as: fltere en finzen, sette en selle, hóf en hüs, wear en werf, tynze en tegeda, heigum en herum, dikan and damman en hünderten mear. Dêr komt by it byldzjend adjectyf yn sizwirden as: de salte sé, it kalde izer, de hege helm, it reade skyld, de wylde rover, de wallende weage, de grime herne. Ho taest it yen yn it herte as it twade lanrjucht de need skilderet fen 'e Vikingtiden: „As it bern stokneaken is ef hüsleas en de tsjustere dize en de wietkalde winter en de lange, neare nacht oer 'e tunen leit, den men de klok stilstean? Hwerom leit men in jildstik op 'e eagen fen 'e deade? Hwerom bringt men op Skyljelan it lyk ta de foardoar üt en komt de lykstaesje ta de syddoar wer yn? Hwerom giet de begraffenis trijeris lans it höfpaed en wirdt eltse reis efkes stilhalden? Hwerom sei jonker Wytse Fons, edelman fen Fryslan en bolleman fen Frjentsjer, tsjin syn stjerrende heit: „War dy, heite, fen üs folk is nimmen noch op bed stoarn?" Hwerom litte üs jonges op fêste tiden hjar klepperhoutsjes hearre? Hwerom hat men earbied for de klompe hüslök op it öfdek? It antwird giet wer tobek op 'e Germaenske foartiid. En den binne dêr dy oerleveringen, dy't allegearre forboun binne oan planten en dieren, en op hjarsels al in wrald fen poëzije ütmeitsje. Ik nim inkeld it sweltsje. „Astü it sweltsjenêst trijeris ef fjouweris ütroeid haste, den komme se dochs wer. Mar hja siikje yn frjemde lannen in stientsje, dat lizze hja yn 'f nést del en dan kinstü it net sjen. Nou moaste nei dat nést omfiele en astü it foun haste, moaste it stientsje der ütnimme, den kin gjin minske dy sjen. As sa'n boeresweal maitiids.de heafekken yn 'e skürre leech fynt, sjongt er: Forline jier Do't ik hjir wier, Wier dit fek fol En dat fek fol, En nou is 't allégearre Tiere, tiere, tiere, liere, leech. En lêz nou de prachtige „Swellesang" fen Harmen Sytstra, en ik freegje, hat de dichter syn motyf net oan it êlde folksrym üntliend ? Yn-germaensk binne ek üs Fryske foarnammen, dy't fen it iene slachte op it oare as in djür erfskip oergien binne. Hja wirde faken skeind ef oan it forjitten priisjown, mar dêrmei wirdt ek de ban oan in great forline trochsnien. Earbied, Friezen, for dat ynmoaije Welmoed, Jildou, Tialf, Hilbert, Azing, Ygo en Rodmer. Eare ek oan 'e Fryske adel fen 'e 16e ieu, dy't foarkar joech oan 'e stoerste en koartste nammen lyk as: Swob, Tet en Ork. Men kin it merkbite üt de stamtafels, de grêfskriften, de alde doopsregisters üt dy tiid. In goudmyn for Fryske folkskinde iepent de kaert fen üs lantsje, mei de hünderten némmen, dy't dêroan forboun binne. It jowt yen in swiet formeits om de geheimen fen dy nammen to üntriedseljen. Alle tiidrekken fen 'e histoarje kin men der yn weromflne. De Banflnne by de Broek, de Flokikkers ünder Iestrum, de bloedige Saun to Akmaryp, de Okkehel by Pingjum, bringe üs nei de fiere foartiid fen it Germanendom. Den binne dêr de Fjouwer mei de blaue stien op it Geastmerfjild ünder Ikkerwald, de Botniaflnne It Reaklif. Ut Botke's Fen Fryslan's groun. ünder Hallum, de Wyn-ikkers to Ferwerd, Genum, Lichtaerd, Wouterswald, dêr't de wyn for de Hillige Mis üt bitelle waerd. Ho learsum binne dy oantsjuttings: Reidflnne (ünder Dunegea). Alde Koai (ünder Feanwalden), Swannepólle (ünder Augustinusgea). Hofaek komme gearstallings foar mei „String": „Monastring (Nijhuzum), Mirtzestringen (Sanfird), Merkenwiersterstringen (Terherne). Hwet in koartswyl sit yn: De lytse Hongerskar (Waidsein), de Goudberch (Miedum), Lekkerbytsje (Broek), de wylde Seis (Terherne), de Mouderinne (Westergeast). Hwa kin forklearje: Alde Juksen (Wirdum), Lange Jedden (Wikel), Blinze (Swaechwestein), Gerren (Beets)? Ho nuver is de stomme e yn de nammen: de Fjouwere, de Njoggene, en dan dy egenaerdige klam by de tsjientallen boppe de toalf: trettjiene, fjirtiene ensf. Us skoalmasters scoene mei dizze dingen wünders dwaen kinne yn hjar ierdrykskindige les. Den moat ütlein wirde hwerom Herbajum yn 'e folksmüle Healbeam hjit en hwet bitsjut: Goesekoersterhim, Swanskar, Himrik-ein, Geawei. Mei dit materiael komt men midden yn it Frysk-Germaenske libben en forsterket men de ljeafde for de bertegroun boppe miette en leart dy better forstean. Dy striid gie foar en tsjin Christus, mar net minder om de macht yn 'e lege lannen fen 'e Noardsé, om de Rijndelta fen it Friezenlan. Dy Ryndelta wier for de Pippijns, de opperhöfmasters fen 'e Frankyske keningen fen it allerheechste bilang. Lans dy wei gie it frije hannelforkear nei sé. Dêrom scoe „Frisia citerior" (Fryslan fen 'e flnder-ein) hjarres wêze. De hege figuer, dy't hjar de foet dwêrs sette, wier Redbad. Redbad! Sa hat men mei von Richthofen de namme to skriuwen. Net Radboud. Gjin Hollansk ef Frankysk for him. Né, foars, koart as twa slaggen mei de hammer op in ambyld, hird as de nammen üt 'e Edda en de Yslansaga's: Snorri, Ragnar, Grettir, Njal. Syn tiid hat de greate tiid west fen FryslSn. Do wier de spankrêft it heechst, de geastkrêft it sterkst. Dêr stiet hy op as lieder fen syn folk, in folk fen hege bigaefdheid, en hy lükt it mei op syn baen nei de oerwinning. Eft hy foarst wier fen ien ef mear Fryske goaën, ef kening fen alle Friezen, witte wy net. Yn elts gefal wier hy oanfierder (dux) fen syn folk, wy net. Yn elts gefal wier hy Grêfshen fen in Fryske Hynsterider. oanfierder (dux) fen syn folk, en net to forjitten: prêster, nei alle gedachten opperprêster. Syn Frysk kom-öf hat men üntstride wollen, hy scoe fen Deensk bloed wêze en yn it Denelan tahalden hawwe, mar dat is net sa. Dat is bitocht om him by syn lansljue op kwea-namme to bringen, hwent de Denen wierne ieuwenlang deadsfijannen fen 'e Friezen. Saxo Grammaticus, de skriuwer fen de Historia Danica, hat gjin Uleboerd op 'e pleats fen H. Schilstra to Wikel nei in foto fen Dr. H. Wirth. Is Wouter al tomets Wodan? Ef in daemon? En hwet bitsjutte dy iepen flnsters en doarren? Moat de kweageast dêr troch? Ef byhwennear de bern swarre: Sikersonk, Houtenbonk, Trije gleone messen troch myn eigen kiel, is dat hwet oars as in heidenske flokformule? En hwet bitsjutten de fjuchterijen, dy't wy haldden as opslüpen jonges, skoalle tsjin skoalle, strjitte tsjin strjitte? In oanlieding wier der net. Mar wol in Qnwearsteanbere natuerdrift treau üs, oant nei in wykmannich de frede-ingel delstriek. It wier in drama yn 't lyts, foarstelling fen 'e jierlikse kamp twisken simmer en winter, middel for fruchtberens en goed gemaek. En den de feesten. Dêr is Sinteklaes. Al wiken foaröf bigjint men alderlei sükeren taeigüd to bakken yn 'e foarm fen wyfkes en mantsjes, fen hynzers en skipkes, fen swannen en hoannen, en op 'e joun seis takelje de feinten hjar op mei momkapen ta divels en hja litte yn it gea keatlings efter hjarren slepe en rinkelje, allegearre in fiere neibitrachting op it akte winterfeest mei syn offerkoeken en oar kultysk gedoch. En hokker formeits joech net ieu yn ieu üt yn Fryslan Sint Piter (22 Febr.), it feest fen it blide foarjier! Den gie it Noardfryske folts wer sé yn. Jouns tofoaren baernde men fjüren op 'e nichten en elkenien dounse mei wiif ef breid om 'e loge. Elk dounser haldde in baernende striewispe yn 'e han en al swaeijende wei röp men: Wedke teare! Wedke teare! oantinken oan Wodan (fr. Wede). Tiede Dykstra wist noch, det yn 1850 dit bike- ef beakebaernen yn 'e Frjentsjerter kontreijen yn swang wier. Ek plichten pas-troude frouljue dy deis öfskie to nimmen fen hjar jongfammesteat troch keatseballen üt it finster to smiten en den sitten to gean op 'e breidstoel. Dat hjitte de St. Piterstoel. Sa binne der hündert dingen yn üs formidden, dêr't men de sin net mear fen forstiet, mar dy't ienris hearden ta de godstsjinstige kultus fen it deistich libben en bihearske waerden troch oandwanings fen freze en hope, dy't greate liedsters wieren fen 'e religy. Ik freegje: Hwerom docht men yn 'e sterfkeamer it finster iepen? Hwerom hinget men in doek oer 'e spegel? Hwerom lit Bodders yn 'e Fryske Striid 2 Grêfstien to Jelsum fen Juw Rimsma en Yd Tiellens, 1547 üt De Vrije Fries. Do't yn 'e dagen fen Cato de fornaemste frouljue seis brea bakten en in Senaetkêst foarskreau (161 foar Chr.): it is forbean fügelt to mesten. Ut dy dagen stammet dit grêfskrift: „Hjir rêst Amymone, Markus syn wiif. Hja wier goed en kein, in warbere spinster, from, kloek, hüslik." Hwennear sonk it Romeinske folk? Do't de heechkultuer it forsloppe. Ienfald is in eale bisittinge. Ik siz net: Tobek nei it heidendom! Allikemin: Tobek nei de tsjinstberens fen 'e ünheilsmachten. Wy hawwe üntfinzen de Geast dy't tsjüget mei üs geast, det wy bern fen God binne. Hy hat üs litsen üt 'e macht fen 'e tsjusternis, en oerset yn it keninkryk fen Syn biminde Soan, dy't üt 'e deaden opstieh is. Ik siz ek net: brek mei de woldiedigens fen 'e kultuer. Mar ik stean oan op in sljuchte libbenshalding. op in kweekjen fen ljeafde for it Frysk-eigene, op in striden for in Frysk Fryslan. De alde Grykske saga forhellet fen 'e reus Antaeus, dy't troch oanreitsing mei syn mem, de Ierde, jimmeroan wer nije krêft woun. Mocht Fryslan de djippe sin dêrfen leare üt it libben fen syn kroandragers. Sjuch: D. Detlefsen, Die Entdeckung des Germ. Nordens im Altertum Berlin 1904; idem: Die geographischen Bücher der Naturalis Historia des C. Plinius Secundus, Berlin 1904; Fr. Matthias, Ueber Pytheas von Massilia und die altesten Nachrichten von den Germanen, 1901; S. Feist Europa im ZlCnte ,dn,r,VOoge^chichte' Berlin 191°; idem> Indogermanen und' Germanen, ioo. ' ,F-J\hn' Urgeschichte der German. und Röm. Völker, Berlin 1881; Mullenhoff, Deutsche Altertumskunde Berlin 1870; L Schmidt Allgerneine Geschichte der Germ. Völker; G. Kossinna, Die vorge'schichtliche Ausbreiting der Germanen in Deutschland (Zeitschr. des Vereins für Volkskunde), 1896; O. Bremer, Ethnographie der Germ. Stamme in Paul, Grundnss der Germ. Philol. III, 735, Straszb. 1899; L. Schmidt, Geschichte der deutschen Stamme bis zum Ausgang der Völkerwanderung (in Sieglin's Quellen und Forschungen), Berlin, 1904; Art. Germanen en Friesen in Hoops, Keallexion der Germ. Altertumskunde, München, 1913; Th Birt Die Germanen München1917; Boer, Oergermaansch Handboek. Haarlem, 1918; ,r!^pier,deJa Saussaye. Geschiedenis van den godsdienst der Germanen, 1900; R M. Meyer, Alt-Germ. Religionsgeschichte, 1910; Artikel Fris,, yn Real-Encycl. van Pauly-Wissowa, 1912; K. Helm, Alt-Germ. Religionsgeschichte, 1913; F. Kossinna, Das Stammland der Germanen theek Germanen en fierdere nümers fen 'e Mannus-biblio- Aiim;r?iJMStr\ UÜ ^«tand'» Volksleven (z. j.); Jiergongen fen Iduna; Allmers, Marschenbuch, 1891; Strackerjan, Von Land und Leuren, Bilder und Oeschichten aus dem Herzogthum Oldenburg 1882; Black, Helgoland und die nordfnesischen Insein, 1890; jensen, Die nordfriesischen Insein Sylt, r-ohr, Amrum und die Halligen, vormals und jetzt, 1891; F. Sundermann wird oer 'e hele Redbad. As der ea in ünforbastere Fries west hat, den wier hy it. Mar dit is de saek: der is twaderlei Redbad, ien fen e skiednis en ien fen 'e dichtsjende folkssaga. De earste oanbilangjende jowe allinnich ütlanners: Beda Venerabijis (674-735) yn syn Historia Ecclesiastica gentis Anglorum, den de skriuwer fen 'e Historia Francorum en Fredegarius de foartsetter fen dat wirk en einlings Alcuinus yn syn Vita Willebrordl bitroude tynge. Oar materiael fait measte part wei ünder it mes fen 'e krityk. Oer de oarde kin men bergen stof fine yn de Fryske wetten, yn kleasterannalen, abtelibbens, en kroniken. Nei lüd fen Beda de Earweardige reizge de Ierske prêster Wigbert yn 689 nei Fryslan, „en preke dêr for it folk en for Redbad it heilswird, mar it slagge him net om by de barbaerske harkers ienige frucht to winnen. Do gie er wer nei it sté fen syn ljeaf pylgerskip, om dêr yn stille iensumens, it kleaster Rathmelsigi, de Heare to tsjinjen." It mislearjen fen dizze sin- ding stie yn forban mei hjar Romanistyske kleur. Redbad wier wol sa'n tük rejint, det er sinding — Rome — Paus — Frankendom yn ien roailine lizzen seach. It Kerstenleauwe, dat hjir yn dy dagen brocht waerd, wier net los fen 'e polityk. Redbad en Pippyn stiene likernöch op itselde foetstik fen macht. Beide brochten hjar legers yn 'tfjild, it batste by Dorestêd, deslach-ier Ut Winsemius' Kronyk. fen 'e Fryske hannel, mei it gefolch, det de Friezen it öflizze moasten. Hja rekken it südlik diel fen it ryk, fen Brugge oant Utert ta, kwyt. Dit forlies hienen hja to tankjen oan Pippijn, de man, dy't de Kersten-sinding hoede en noede. Yn 692 sette nimmen minder as Willebrord mei alf helpers hjir foet oan wal om mei it sindingswirk troch to gean. Pippijn joech him rikkemedaesje-brieven. Do't de saek op gleed wier, teach Willebrord nei Rome om in faderlike heilbea to forsiikjen fen paus Sergius III, „Fierder" — skriuwt Beda ■— „frege er fen 'e paus reliken fen apostels en martlers, om dy to brüken for 'e tsjerken, dy't er stiftsje scoe, as de godsbylden delbruid wierne." De paus joech him mear. Willebrord krige it ampt fen Friezene aertsbiskop (22 Nov. 695). Hy naem syn stoel yn to Utert en üt dat formidden wei waerd it lan biwirke. It foei lykwols tsjerkelik en polityk net ta, sadet op 't einsluten in oplossing socht waerd yn in houlik. Pippijn syn soan Grimoald boaske yn 711 mei Redbads dochter Theodesinde. Mar dat wier in koarte freugde. In heidenman formoarde Grimoald yn 'e St. Lambert-tsjerke to Luik. Fensels sette men dy swarte died op 'e rekken fen Redbad en syn dochter, mar it biwiis hat nimmen net leverje kinnen. It scil yn elts gefal de forhalding net forbettere ha, en men kin net neilitte yensels óf to freegjen eft Willebrords öfstekken nei Denemarken dêrüt to forklearjen is. Stoarmwaer treau it skip nei in eilan op e swetten fen Friezen en Denen, dat de namme hie fen Fositeslan, nei de god Fosite, dy't der syn hillige wente hie. Op 'e fron-eker weidden sniewite kij, dêr't gjin minske oan komme mocht. Ut de wijde boarne koe men wetter helje, mar — swijend. Der is oer skreaun hokker eilan dat wier. My tinkt, alles pleitet for Hilgelan. En dêr hat Willebrord syn drystmoedigens bod jown mei yn 'e wijwelle trije bikearlingen to dopen en de hillige hoarnbeesten op 'e fron-eker to slachtsjen. Op sa'n bidriuw stie de deastraf. Men kin it léze yn 'e Lex Frisionum, yn 'e „Wizene Taheakke," dêr't de kêst „Oer 'e eare fen 'e timpels" dit foarskriuwt: „Dy't in hillichdom iepenbritsen hat en dêr hwet fen it hillige weinommen hat, wirdt nei sé brocht en yn it san, dêr't de floed oer spielt, wirde him de earen splist, en hy wirdt lobbe en oan 'e goaden, dêr't er de hillichdommen fen skeind hat, offere." De eilanners forwachten net oars eft de skeiners scoene hjar bretalens boete moatte mei dwylsinnigens ef in hastige dea, mar der barde neat. Alhiel forbüke fleagen hja nei Redbad. Hwet scoe er dwaen? Sette er de rüge bile d'ryn?Né, hy bitocht him. Hy die in birop op de godheid seis troch it hillich lotorakel „nei affaers pliga." Redbad bitsjinne as prêster-asega seis de runesteaven, trijeris op trije dagen oanien. En do't de ütkomst wier, det it lot ien fen de kerstenmannen oanwiisde, moast dy it skeinen fen 'e fron-eker mei syn libben bitelje. De oaren mochten it eilan forlitte. Pippijn kaem 16 Des. 714 to forstjerren en syn dea sette de boel êlderwetsk oerein yn it Frankeryk. Karei Martel sloech de han oan it roer fen steat en der droane it oarlochs-oargel wer hinne yn hege en lege registers. Men docht Karei gjin ünrjucht as men him in üngaedlik man neamt, dy't heil socht yn 't uterÜk fen 'e tsjerke, mar dy't kald wier for hjar ynderlike krêft. De tsjerke wier him middel ta syn eigen polityk doelwyt. Yn Redbad krige er in swiere party. Dizze waerd him de baes yn Utert en Dorestêd. Nou moast it kerstendom it üntjilde. It wirk fen Willebrord like toneate dien. Do foer Redbad mei de Fryske float de Ryn op oan Keulen ta en brocht it Frankendom oan 'e ranne fen 'e ündergong. As oerwinner teach er de poarten yn fen it alde Colonia Agrippina. It jier 716 telt mei yn 'e annalen fen 'e Fryske skiednis. De slach by Keulen is steatkindich it hichtepunt fen de great-Fryske tiid. As Fryslan ea in kans hawn hat for it imperium wier it dotiids. Yn datselde jier kaem Bonifacius. de learde Benediktijner münts, de diedkrêftige Angelsaks üt Northumberlan. Hy woe ek it krüsflndel plantsje yn it Friezene lan. Wier hy net fen hjar stam? Loek der gjin ban fen flêsk en bloed oer 'e Noardsé hinne? Wierne Friezen en Angelen net bisibbe yn hjar tael? Mar it wier in minne tiid. Redbad woe net büge foar de müntsegod en stean ünder it tsjerkelik biwêld fen Petrus' steedhêlder. Syn eigen earetsjinst mei de wite kij op 'e fron-eker fen it Hilgelan, syn eigen Germaenske goadelear wier him hearliker en moaijer as it krüsbyld fen 'e Forlosser, as it dogma en sakremint fen 'e R. Katholike Tsjerke. Bonifacius koe gean en reizge troch de bergen en bosken fen it Thuringelan, oant er de tiding krige fen Redbads dea. Ja, de Fryske iik wier fallen ünder 'e bile fen 'e dea, de léste fijan, sterker as Karei Striidhammer. Do t Redbad dea wier, koe men syn dwaen en litten hifkje. As in jagers-man in earn sjit, nimt er de deade fügel op om de wide spanning fen syn wjukken to mjitten en hy stiet forwündere en kin hast net leauwe det er dea is. Sa koe de wrald ek net leauwe, det de greate Friezenfoarst dea wier. Hy hie in djippe sneed makke yn it folkene oantinken en de saga ranke hjar om him hinne. It gie as mei Karlemagne en Freark Barbarossa. Hjar histoarysk libben trille troch yn 'e saga. Hja binne net dea. Yn 1813, it jier fen Dütsklans freimeitsing, helle de dichter Rückert de saga wer op fen de heimige keizer, dy't mei syn rea bird yn 'e Kijffhauser siet. Dat sloech yn! Hwerom? Omdet it oantinken fen dizze greate Hohenstaufe by it folts noch net ütroege wier. De léste died fen dit monarkelibben wier it oannimmen fen it krüs. Seis woe er de ünleauwige Turk it hillich grêf fen üs Ljeaven Heare üntnimme. Nei it to-boppekommen fen füleindige gefaren naem er de stéd Ikonium. De krüsfarders skögen fen 'e neakene bergen yn Cilicië it lan fen it ünthjit yn. Mar sa't Moazes weinommen waerd sünder Kanaan yn to gean, fordronk Barbarossa by it baeijen yn 'e Saleph-rewier, 10 Juni 1190. Yn 'e tsjinst fen in heech ideael bi-einge er syn libben. Sokke dingen forjit in folk net. Yn gjin tüzen jier. En sa forjit it Fryske folts Redbad net, de glansrike figuer fen GreatFryslan, de léste greate kampioen fen it Germaenske heidendom. De dichterlike delslach dêrfen moat, sa't de learden sizze, socht wirde yn it Güdrün-liet, it Friezene nasjonale epos, dat spilet oan üs Noardsékusten. Kenig Hettel, de helt fen it liet, is „aller Friezen Hear." En hy slacht syn greate slach op it Wulpesan, net fier fen Brugge, oan 'e swetten fen it ald-Friezenlan. De Hegelingen binne syn mannen. Dat is oernommen üt 'e aldere Hildesage. Mar letter dichte in Eastenryksk dichter (sahwet 1230) dit om. Hy makke fen 'e Franken Noarmannen, fen 'e Hegelingen Denen, as wierne dat net deselden, mar yn 'e groun moat de heltekamp fen 'è Güdrün de ütbylding wêze fen Redbad syn kamp tsjin Karei Martel. En it folts, dat syn oantinken koezet, de ljeave en de tsjoede, en dêr wer moed üt wint for in bettere dei, en in warsköging om op syn hoede to wêzen, weve troch oan it bünt tapyt, en tocht in twade Redbad op, dy't er nea net west hat. en Winsemius, de Fryske skiedskriuwer, liet yn syn Chronique van Vrieslant (Frentsjer, 1622) in byltenis fen him opnimme, en Martinus Hamconius yn syn Frisia (Frjentsjer, 1620) hat it dooptQaniel yn print. Ek witte wy üt 'e brieven fen Joachim Hopperus, det er yn 1570 for Viglius in „picturam effigiem Radbodi" makke, en it is net ünmooglik, det dit öfbyldsel in ieu letter hinge yn 'e boargemasterskeamer op it stêdhüs yn Medemblik. De fantasije hie it oermiette drok mei Redbad. Seis in foarsichtich skiedskriuwer as Schotanus is dêr netfrijfen.Okke fen Skarl en Bernardus Furmerius yn syn Annalium Phrisicorum libri tres (Frjentsjer 1609) witte to forheljen, det er 41 jier regearre yn Medemblik, 4 soannen en 5 dochters neiliet, det syn dochter Bolsuina Boalsert stifte en det er yn Starum bfierdge is by syn foaralden. De wierheid is, det de oanfierder fen 'e Friezen gjin fêste haedstêd hie, Titelprint fen Schotanus' Skiedwirk. fjöuwer eagen, en do't Bernlef syn simden bychte hie, joech de Godsman, him paslike boete. Dêrop teikene hy syn bline eagen yette mei in krüs en wylst er de han foar him ütspraette, frege er: „Sjugge jy hwet?" „Ja," sei er ynbliid, „ik sjuch jins han." — „Tankje den de almachtige God," wier it andert. Do't hja nou fierder ünder petear it hiene oer it Katholike leauwe en oer 'e ünderskate bilangen fen 'e siel, kamen hja yn it doarp Warfum. „Kin jy sjên hwet dit is," frege er him. — „Ja," sei er, „dit is Warfum, ik sjuch klear de beammen en huzen." — „Tankje den de Almachtige, det er jo ljocht jown hat," andere Liudger. Do't men yn Uskwerd kaem, dêr't in bidhüs boud wier, liet er de bline bidde en God tankje. Ek lei er him ünder forban fen in eed op om foar syn eigen dea gjinien de oarsaek en tadracht fen syn genezing to fortellen. Bernlef joech dêr syn wird op, en in deimennich bearde er blyn to wêzen en liet er him troch in oarenien Hede. Earst nei Liudger's dea makke er bikind, ho't er wer sjênde wirden wier. Under 'e twade weibanning fen 'e godsfeinten üt Fryslan joech de hillige man Liudger, Bernlef oarder, om't men in bulte fen him haldde, hüs oan hüs to gean en as er de memmen oertsjüge hie, det hjar berntsjes yn deadsgefaer wierne, dizze to dopen, èf hjarren ienfaldich yn it wijde wetter to dompeljen yn 'e namme des Hearen èf oer hjar hollen wetter hinne to jitten mei oanropping fen 'e hillige Trijienheid. Hy foldie willich oan dy opdracht en doopte yn dy rüzige tiden achttjin bern, dy't allegearre nei de dope forstoarn binne, ütsein twa dy't de sillige Liudger letter, do't it frede wirden wier, mei de hillige salving fen it krisma (foarmsel) bifêstige. Hwerearne Bernlef syn woldwaender trof, learde er fen him psalmen en de forljochting, dy't er üntfinzen hie, bleau yn him, oant er ald en „der dagen sêd" yn frede rêstte. Do't syn wiif de stjerrende ünder triennen frege: „Ho scil ik nei dyn dea yette libje kinne? wier it andert: „As ik it by üs Ljeaven Heare klear krije kin, scilstü nei myn dea net lang mear op ierde wêze." Hja wier soun en bést, do't hja dit antwird krige, mar fjirtjin dagen neitiid folge hja him for ivich." Op groun fen dit bitrouber forhael, dat grif rest op Liudger's eigen meidielings, mei men for wier oannimme, det om it jier 787 hinne Fivelgoa en Hunsingoa yn 'e persoan fen Bernlef in skalt fen namme hiene, dy't — en dêr komt it hjir op oan — as kerstenman de epyske sagastof fen syn folts dichte en rythmysk by it spylark foardroech, Bernlef wier doopt christen, foar en alear er Liudger mette. En dochs bisong er Onbiskromme en mei greate byfal de aldfryske heiten lyk as Redbad. De tsjerke karde dat net óf. De bline skalt wier for Liudger in wolkomme forskining, dêrom forrjuchte dizze oan him it genêzingswünder. Dêr gie de bycht oan foaröf. En bychtsjen foründerstelde de doop. Bütendat kin men üt it petear, dat hja ünderweis hiene oer 'e ivige siels- bilangen it kerstendom fen Bernlef opmeitsje. Hy wier in man fen heech oansjen en hege kultuer, in kinstner, dy't yn syn liet de forbining foun fen kerstendom en Germanendom. Syn bikearing ta it kras fen 'e Forlosser deade yn him it dichterskip net, brocht allikemin syn spylark oan 'e wylgen, mar myldere de ynhald fen syn liet, en de psalmen fen David krigen in plak nest de helte-sangen. En nou't wy dit witte, kinne wy ek better forklearje ho't de epyske poëzije üt 'e Germanetiid ta üs komd is yn in heal heidensk, heal kristlik kleed. Bernlef stiet as de libbene drager fen dizze kinst foar üs. Oan Fryslan komt in fornaem oandiel ta yn 'e ütbylding fen dat Germaenske epos. Learden lyk as Müllenhoff, Sijmons, Siebs en Wadstein hawwe dat sünder omwegen bleatlein. Yn FryslSn wier it heltedicht hiem. Yn it taheakke fen 'e Lex Frisionum komt de harpspylder foar, dy't mei in slachring de snaren poent. En wé de man, dy't sa n skalt op 'e knokkels slacht, hy moat in fearn heger boete jaen as by in oar yn deselde kondysje. De harpenist stiet dêr njunken de goud¬ smid en it wüf, dat de himp braket. Noardske balke yn it Frysk Muséum. Yn in jonger hanskrift fen it Liudger- libben stean yette dizze wirden: „Bernlef wist nei de sede fen syn folts net ünswietlüdich to sjongen." Fryslan hie dos in bipaelde stan fen harpspylders, dy't hjar op it heiteliet ütleinen. De foarm fen dizze poëzije wier it stêfrym. Dêr hie üs folts in sterke heling for. De Fryske wetten tsjügje dat op eltse blêdside. Dêr hat men dy rippetearjende en rymjenke foarmen, lyk as: „thene berene ief thene kerena; yn rede ende dede; umbe mannis gonste and umbe frowa sponsta; ende ghers groyt ende baem bloyt," allegearre gearstallings dy't men léze kin yn 'e Wenden en Upstalbeamwetten, yn 'e Westerlauwerske lanrjuchten en eedformules. Wol men witte hokker stoffe dy Fryske skalten bisongen, lit men den studearje yn it Angelsaksyske epos Beowulf. Dat hat oantinkens oan 'e tiid, dy't oan Bernlef foaröfgie, do't de Geatenkentag Chochilaicus, plonderjend yn Fryslan foei, mar forslein waerd. Yn dat heiteliet is it ien striid, allegearre striid. Beowulf, de Angelsaksyske héros, leit Grendel, de fjürspeijende draek yn in nachtlike füstkamp del. In kamp op libben en dea weaget dêr yn en om de stins fen Finn, de Friezene kening. Mei grille kleuren wirdt it skildere: Do swirf de skierroek swierjend om 'e liken, Hja strunen swart rounom en tsjusterplommich, It bliksemfjür fen 't swird baernde op 'e Finnsboarch As stoe se yn ljochte loge. Op in oare stins, de Heorot, dy't pronket mei sierlike goudtapyten, oerhearlike legerflndels en wapenrissings, forskynt de harpspylder. Nou waerd dêr swide sang en spyljen beide Forienge oer Hnaf, de hearfad der Healfdenen, Nou woun de harp, it freugdehout, in groetenis De spreuk üntjoech him. 't Wier nou wentewielde. Bylans de hege stoelten scoe de sjonger Fen Hrodgar sjonge oer Finn syn soannen, Dytiids do't Denefolk hjar oer 't mêd kaem En Skyldings Hnaf, Healfdenen helt, moast sneuv'lje Op 't Friezefjild. By dit epos hawwe wy it heechste bilang. Op de Friezene Noardsékusten üntjowe hjar de ünderskate toanielen. En net oars is it mei de Hildesaga, dêr't de Gudrunsaga syn oarsprong yn hat. Kenig Herwig draecht op syn wapenskyld de pompeblêdden, dy't yette steane op üs nasjonale flagge. En in alde séreus mei in jelnenlang bird hat de Fryske namme fen Wate. Syn grime is ünwearsteanber, en as er op syn hoarn blaest, trillet it lan, it hof brüzet, de mürren steane op ynfallen. Ek nimt men oan, det Friezen de sagastof fen it Nibelungeliet — de oaralde Sygfrydmythe .— nei Skandinavië brocht hawwe en det hja ek de brêge wierne for de aldere Eddaliéten üt it Frankysk Rynlan nei it Noarden. Hwent de Friezen sieten oan 'e iene kant fier it Sakselan yn, sadet men yn 'e tael èn fen 'e Merseburger glossen èn fen 'e Heliand i— de Saksyske Messiade üt 'e 9e ieu •— in griemmank sjucht fen Frankyske, Saksyske en Fryske eleminten. As men dêr lest fen liudiun (ljue), r ie dun (riede), libbien (libje), dan binne dy klanken üs o sa hiem. Oan 'e oare Pünfal en saed fen it Begaerder Kleaster to Hallum Nei Piter Idserts Poortier (pl.m. 1730). kant sieten de Fryske keapljue yn Sweden, op 'e Faroër-eilannen, ja, de skiedskriuwer Adam fen Bremen forhellet yn kleuren en geuren ho't de Rüstringer Friezen in Noardpoaltocht ündernommen hawwe. Dêr wier yn dy tiden oan 'e Malermar yn Sweden in Frysk keapmansgilde. In pear fen dizze mannen kamen dêr to forstjerren, en hjar maten lieten op it grêf in monumint sette mei in rune-opskrift, dat hjar siel opdraecht oan üs Ljeaven Heare, en de namme forkindiget fen 'e Sweed, dy't de runen yn it granyt ritst hat. Dat is bard yn 'e alfde ieu. En krekt yn 'e dagen fen dy greate Hansetiid hat de léste ütwiksel fen 'e Germaenske sagastof pleats hawn. heid sizze oer syn heit, oars sloech er hjar de holle öf. Hja forhelle him de stoarje fen syn heit. Do frege er de kening om it skerpste swird, de tükste skippers, it stevichste skip en de béste drank fen it lan. Sa rekke er nei Gronenberch, dêr't de Friezen krekt hjeldei hienen. Hy liet saun fen hjar rjuchters op it skip komme, joech hjar drank en makke hjar dronken. Do liet er hjar kieze twisken trije dingen: de holle dêröf, fordrinke yn 'e mar ef heiden wirde yn tsjinst fen kening Redbad. Hja keazen it léste. Dit wier fen dizze gefolgen, det de Friezen ünder it biwald fen Redbad rekken. As foartoan in bern to wrald kaem, krige it in wite bügel om 'e hals. Redbad joech Fryslan in swart findel, de wite frijheitsfane woe er seis ha, mar de Friezen bigroeven dy oan 'e Iems, dêr't er fjirdeheal ieu lizzen bleau. De karbonkelstiennen kroan lykwols joegen hja oan 'e kening. Redbad miende nou, det hy it woun hie, mar it bisloech oars. De Friezen waerden bounmaten fen kening Karei, fochten hjar frij, forinnewearren de Gronenberger stins en hongen it iennichst bern fen Redbad oan in beam op. Nou moast noch de kerstening pleats hawwe. Dêrta iepenbierre God Him troch in ingel oan Willebrord yn Noardenbrana. De ingel gie mei de greate sindling ünder seil nei de Dronhöfmar. It wier in wünderreis. Oan 'e Iems bigounen deade beammen to bloeijen, op 'e beam nei, dêr't de keningssoan oan hong. Yn Benthem üntsprong in welle, dêr't Willebrord ridder Magnus yn dope en dêr't er de öfgesanten fen 'e saun Fryske sélannen hjitte hjar los to meitsjen fen Redbad, de öfgodsbylden stikken to brekken, ünderdien to wirden fen 'e Roomske Kening, tsjienden oan 'e tsjerke to jaen, tsjerken to bouwèn en de Snein to hélden. Hja scoene den it himelryk ervje. Dêr wier it sa moai! The baman, ther in tha Paradise stad, Nimmermeer hja brackad, ner forgad; Ther is thera sotera fogelasang, Ther is blytscap zonder vergang, Ther stad tha libbensbaman manichfald, Also thicht so thi grana wald; Hwaso deth crued moghe onfan, Nimmermeer hi sterva kan, Hwaso thet holt bicriga can, Hi ne wrt alder, ner wyf, ner man, Noch sleep, noch honger moghe him derra, Aldus ist in tha Parredys an twerra. Yn 'e hel lykwols is fjür, heil, pik en swevel, üs en snie, bran en stank, honger en toarst, reek, gleonens en kjeld. Dêr leit de draek Pathmos mei acht hoarnen. Willebrord joech it biwald oer 'e Friezen oan Magnus Forteman en bineamde him ta drager fen 'e frijheitsfane. Do haldde er in blide ynkomste yn Utert. The bazuna dedense blian, Tha clocka deden se kluda, End ta licht to ghins him cruda, End mit grata winnena sang Ontfenghen hia him, tha streta lang; Hia dede al thet besta lyth onslan, End deden him blidelyke ontfan, End deeldent al to lykum. Armen and rykum, End segeden al to wera: Weltuna wse viachta Nera! De kerstening fen 'e Friezen roun net sa hird. Mar op oanstean fen Magnus kaem Willebrord yetris en wijde hjar tsjerken, stelde prysters oan en lei hjarren de Skrift üt. Sjedêr it fornaemste fen 'e ynhald. De magister wit it spylark net masterhaft to hantearjen. Hy is giin taelkender. Faken rinne de fersen op leaden foetten. En dochs hawwe dizze rimen in plak foun ünder it Fryske folts. Yn kleasters en stinzen wierne dizze forhalen, „familiar in the mouths as households words." Suffridus Petrus hat forskate hanskriften sjoen mei varianten yn 'e tekst. Yn it archyf Gabbema is in manuskript üt it kleaster Thabor, dêr't men de Fryske skiednis drok bioefene, mei dit ynskrift: „Paulus Aegedius Costerus prior Thabor." Dizze prior joech it yn brüklien oan 'e Ljouwter riedshear Dr. Igram fen Achelen, en fen him krige Suffridus it. De Gesta Fresonum steane yn 'e Codex Aysma (ein 15e ieu). Freget men, hwer Alwin syn materiael weihellet, den stiet fêst, det hy de Schwaben- en Saksenspegel lézen hat. Ek komt yn 'e Westerlauwerske rjuchtsamling in stik foar, tytle Keizer Rudolfsboek, dat tige mei syn wirk oerienkomt en ek yn deselde trant skreaun is. Dat is wirk fen in learde fol dichterfantasije, in echt heitelansk boek, en dikmels like tsjuster as Alwin. Hwa binne en de Tjaerda's fen Starkenborch üt 'e Geast. De namme fen it tredde is troch de tiid forlern rekke, mar myn ljeave frou hat my forhelle, det it eale slachte fen 'e Harinxma's, dat him oant hjoed de dei ütwreidet, de tredde klau hat." Det dizze legendaryske profesije as in gouden relyk yn eare halden is, biwiist de fynst op Tjaerdastins yn 1834. By it öfbrekken fen it alde slot foun men yn 'e mürre in kistke, dêr't in pear izeren stimpels yn sieten mei de wapens Hermana — Frittema — Tjaerda, in passer, in meske en twa mei lint en silvertrie biwoelle, yn houten staltsjes fette grypfügelklauwen. De trêdde klau is tolanne komd yn 'e samling fen Anna Marije Schuurman op it stêdhüs to Frentsjer. Sünder nou to forfallen ta bygelovigens, moat men dochs sizze, dêr binne yn 'e skiednis fen de niisneamde slachten stounen dy't yen de profetyske saga tobinnen bringe. Yn 1566 sette Bawe Kater, widdow fen Lambert Tjaerda fen Starkenborch de Reformaesje troch yn it kerspel Garsthuzen (Gr.) Pastoar en tsjerkfouden wierne yette Roomsk. Hja liet üt Loppersum in mitselder komme, dy't nachts in gat kapte yn 'e mürre fen 'e toer en de tsjerkedoar iepenmakke. De oare moarns gie frou Bawe mei hjar seis soannen Klaes, Jan, Berthold, Willem, Boite, Tero, hjar dochter Tytke en hjar skoandochter yn 'e tsjerke. Hja spriek: „Ik tankje God, det nou de nije tiid oanbritsen is en det ik dy bilibje mei." En hja bisegele dy wirden mei de skjirre to setten yn it miskleed op it alter en it stikken to knippen. Hjar bern namen de crusifixen en it tsjerklik ridskip wei. Wy sizze by dit toaniel: de grypfügelklau! En is it net opmerkelik, det dizze ieu noch in Harinxma en in Tjaerda fen Starkenborch op it earestoelte fen Fryslan en Grinslan sjucht? Der is al op wiisd, det ek it Tractatus Alvini profetyske eleminten ynhat. De profetesse, dy orakelt is Adams dochter Delbora. De profesije fen Delbora is in dichtstik mei apokalyptysk wêzen. It wirket allyk de Iepenbiering fen Johannes mei getallen en bjusterbaerlike bylden. It sköget de hiele wrald oer mar makket Fryslan ta in wraldsintrom. It oerhearskjende tinkbyld is de geastlike en maetskiplike frijheid fen Fryslan. In Frysk keizer scil sitte op 'e troan fen Rome. Alle Adamsbern scille hjar büge ünder syn skepter en de heidenen scille him tsjienden bringe. Under syn biwald scil de Antichrist berne wirde. Dy scil in bulte kwea dwaen, mar Fryslan scil him to mansk wêze. Hy scil fen 'e Oliveberch nei de himel farre wolle, ja in ein de loft yngean, mar den scil de aertsingel Michaël him delslaen. Efter dizze profesije baernt in gril fjür fen nasjonale heling. Fen heger hichten en tsjin wider kimen kin men gjin skiednis sjen as yn dit profetysk skrift. Hjir is de chiliast oan it wird, dy't in nij TJAERDA-STINS TO RINSUMAGEAST Frystón sköget» wylst de Satan fêstklonken leit yn 'e öfgroun. Hjir dichtet de dreamer, dy't for 'e bou fen 'e takommende wrald leaut oan 'e ütforkiezing fen syn heitelan. En de léste wierheid for dat heitelan is him Christus Triumfator. Det sokke dreamen allinnich opkomme kinne yn in folts mei in eigen great forline, mei eigen aerd, wêzen en ropping, is klear as de dei. In nij boun sleat Profesije, n.1. mei de stjerren. Yn 'e middeheuwen wier de stjerrekinde yette in soart fen stjerrereligy. Dizze stjerre-religy seach yn 'e himelske bochten machten dy't driigjend ef seingjend ynwirken op it lot fen minsken en foltsen. In stjer, dy't de gleone kleur fen 'e planeet Mars hie, moast bloed en moard meibringe, in fêste stjer mei in skiere kleur hie it ynboarst fen 'e god Saturnus, dy't syn eigen bern opiet, wylst kleare stjerren heil en frede oanbrochten. Nou wier der yn 'e 13e ieu in Frysk stjerrekindige Valerius Canga, dy't yn forban mei syn astronomyske waernimmings de namme fen syn slachte foroare yn Camga en dy't dizze profesije iepenbier makke: „Camga sal jitta staen, as dioe wraald schil vergaen. Ende die greatte lieu scil haeg in Kalahey sijn nest meitsje, en der in versteerre, verschaette Leliën schilmer weer in plantje, diu lyts voort comma, want Jo bledden daet ferwich sin. Ende so Jo hymels wickers neymeals neat wirde verandirt, schil dat haege nest ruynere wirde ende io verdorre: wijtte leliën int ras schille den weer ontspruyte, wier troch dy wapene aerm mey 't swird schil truyrje." Dizze orakelspreuk is net minder tsjuster en dübelsinnich as fen de Delphyske Pythia, mar ho djip moat it profetyske stjerreleauwe dochs yn 'e folks-siele biwoartele wêze, det in man fen wittenskip yn dy dagen dêr syn namme om foroare! Hwet de profesije do mansk wier, kin ek blike üt it neifolgjende. De alde edelman Sicko Siaerda wier fen doel, yn oerliz mei syn soan Douwe, hjar stins op it East fen Frjentsjer öf to brekken en yn it West fen 'e stêd del to setten. Syn skoansoan Schelte Lyauckama rette him dit öf en stjürde üt namme fen abt Siardus Siersma to Lidlum dizze profesije: So Siaerdama int Aest bliouwet, Schelt prospererje. En great acht wesse, en weer mogge comma te potestaet. In 't West steende schelt declinerje. Nimmermeer comma te zoo hegen graet. Dizze warsköging makke sa'n yndruk op Jr. Sicko, det er de öfbraek neiliet. Mar nei syn dea wierne syn wiif en syn soan Douwe sa dryst, det hja de stins öfbrekke lieten en it founemint fen Nij-Sjaerdema leinen yn it West fen Frentsjer, op Kalahey. Daelk is dêr in profesije op folge: All is Kalahey dus heeg fondeere Het sill weer wirda raseere Soo dat Kalahey hier ney Wirda sill in Molckwey. De dryste widdow en hjar soan wierne lykwols lang net op hjar gemak oer in profesije fen de Lidlumer abt Eelco fen Liauckama fen dizze ynhald: As Siaerdama soo vergiet Datter oppa statha nen Sicka En HiesHngha hiara Redt feerdt Schelt gheslacht naet lang duyre Dy ohera graad schel naat Hiara namme en staat mogge furye Meyt za my, on party Naet sonder gheschry Mog ickt sidse. O Siaerdama graet, in wat Jammer en naed Schel Vrieslandt din lidse, Hiara frie staat, die du naet, Wuste uwr iaën, schil din ontfaen. Een freembde Heer, Hercke mijn spreek Want dit onghemeck Schil ven dijn nei blood, uws mei uws comma, As ick troch Goads gaast hab vernomma. Mem en soan siet dit orakel sa yn it krop, det Douwe syn namme foroare yn Sicke, üt soarch det oars syn slachte, dat sa heech yn Fryslan kleaun wier, yn it leech reitsje scoe. Men kin der wis fen wêze, det sokke profesijen it folts-leauwe werjoegen. It folts helde yntuïtyf, det it machtsopdriuwen fen 'e Sjaerdama's speakrinne moast. Dêrfendinne krigen sokke orakels wjukken en fleagen fen müle ta müle troch alle Fryske lansdouwen. En de han kaem, dy't it orakel opnaem en it de Sjaerdama's nei de holle slingere. Igo Galama in greatsk, oerdwealsk edelman yn Gaesterlan dy't in forboun sletten hie mei Ljouwert, skreau oan Sicko Sjaerdama in brief, det er as in ynstrumint fen God de profesije oer it hüs to Kalahey yn in died omsette scoe. Tjessens fortolke dat brief yn it neifolgjend rymstik: Igo Galama was nu voort op Leeuwardt wel ghemoedt, Met rijpen rade dacht hem dus goedt, Vermetelijck aen Siaerdema te Franeker een brief te schrijven, Inhaldende dat hy eerlanck des dacht te bedrijven, Daer Siaerdema-huys stondt als Kalahey Doen maken een slechte Molckwey. Yette in profesije hat Tjessens for it neiteam biwarre. It is de utering fen Frysk Messias-leauwe yn 'e middelieuwen. Wylst Fryslan yn it leech siet, leaude in finbikend profeet oan takomstige gloarje. Hy wist hinne to sjen oer lijen en smaed nei de dage fen in nij Fryslan, dat as in twad Kanaan, üt 'e pünheapen forriisde. En hwa wier de Messias fen dat ljochtryk? De Spaenske Sprüt. Hjir is syn profesije: As twiedracht ende partij in Vrieslandt is vergeen, En dat wonderlijckste, schandelijckste en wreetste oorloch is utdeen; So schilt regiment vur Land en lyoe in wolfarren groya, En in alle voorspoet wederom bloye In onspreckelijcker maniere mennigterhande Da heeren, regenten en edelen van den lande, Stilet ney dese vreeselycke tijt, Op oorloch tinsa naet en bijt, En hiaerre mey sucx naet meer moya Aeck hiare voor-vaers libben verspoya, En so wessa tot eendracht ghesindt Dat men naerne hares gelijcke vindt. Aeck schil ney desen noch scheen Als dioe lestighe tijden sint vergeen, Dattet Landt sal wirde costelijck, Men schilt vernije wonderlijck, In dijcken, dammen, zijlen en zijlrooden, Oen brengen, marren, oor dyepten alsine sil bevroden, Leegh verachtet wetterlandt verduiven, Feenlanden dyemen acht naet een bijt, Sille dü eeck orbart wirde tot graet profijt. So dat Frieslant shill verbettert wirde in sulcken wijs Alsoft et wijer een aertsch Paradijs, En schil 't land ven beloften te boppe gheen, In hunich in molka in allen dwaen, Dit alles sil scheen as dy Spaensche spruyt W'r uws heyrschett mey virtuyt. Schel Vrieslandt din lidse, Hiara frie staat, die du naat, Wuste uwr iaën, schil din ontfaen, Een freembde Heer, Hercke myn spruyt Want dit onghemeck Schil ven dijn nei blood, uws mei uws As ick trog Qoads gaast hab vernomma. Men moat net miene, det sokke godsspraken tafallige orakels wierne. Ik meitsje my sterk biwize to kinnen, det net inkeld stinzen fen machtige edelljue lyk as Siaerdama- en Tjaerdaslot omweve wierne mei in reach fen profetyske triedden, mar eltse stins, elts kleaster, eltse stêd en elts doarp. De loft siet der fol fen, yn in tiid, do't it boppe-natuerlike noch in macht wier yn it folkslibben en it leauwe yn it supra-naturéle yette bislach lei op it maetskiplik rêdwirk. ALD-SJAERDEMA-SLOT TO FRENTSJER Sa wier dêr yn 'e fjirtjinde ieu in orakel oer Boalsert. Aedo Jonghama üt Raerd hie it fen syn alden en oare bitroude ljue, dy't it wer fen hjar alden en foralden hiene, det hwennear twa haedlingen yn Boalsert tsjin inoar opstiene, dit hiel Fryslan yn 'e wiel bringe scoe. Nou barde it yn it jier 1450 ef '51, det yn 'e stêd fen Boalsert in bern mei twa hollen to wrald kaem. Do seine alle ljue, dy't fen 'e profesije wisten: „Sjoch, dit is it teiken fen 'e ünienige haedlingen." Petrus fen Thabor, de kronykskriuwer, wier krekt yn 'e stêd do't it bern stoar en tohóf brocht waerd. It wier — skreau it forhelpen fen 'e wrakke Himdyk op him naem. For de alde stins, dy't de „Swarte Heap" forbaernde (1515), kaem in nije yn it plak. Letter kamen dêr de Jonkers fen Eysinga, dy't ek syn namme Aedo yn hjar skaei haldden, to wenjen. De poarte stiet hjoeddeis noch op itselde sté en tsjinnet nou as yngong fen it moaije Raerder park. Net her fen dizze ljeaflike oarde, yn 'e wijde ierde fen 'e Raerder tsjerke, rêst it biente fen dizze Fryske edelman. De grêfstien mei GESICHT OP 'E ALDE RAERDER TSJERKE syn namme en stjerjier (1536) en dy fen syn wiif Ael Hiemstra (1565) is noch yn wêzen. Wünder, de skeinende han, dy't hjir yn 1795 alle wapens öf kapte, liet dit wapen sünder wryt. Dy't op in moaije simmerdei ris lans de Ljouwerter strjitwei foarby de Trije Romers nei Snits fytst, lit him ris efkes öfstappe en in beafeart meitsje nei dizze histoaryske plakjes en in tins wije oan 'e man, dêr't Mr. fen Halmaël ienris in wird fen Shakespeare üt 'e Hamlet op tapaste, n.1. det God him in stimpel jown hie, dêr't de wrald fen bitsjüge: dit is in man! Sjuch: Suffridus Petrus, De scriptoribus Frisiae, Col. Agripp. 1593, bl. 67; Worp van Thabor, Kronyk van Friesland, boek IV en V; P. Winsemius, Chronique van Vrieslandt, Franeker, 1622, boek 11—14; Gutberleth, Verhaal van Leeuwarden, Foarwird, bl. 332; A. van Halmaël,_Aèdo Aedes Jonghama, opstel yn By dragen tot de Boeken- en Menschenkennis IV, 153. Schotanus, Geschiedenis van Friesland, boek X en XII; Jancko Douwama, Boek der Partijen, bl. 96; Schwartzenberg, Charterb. II, 498; Ubbo Emmius, Rer. Fris. XLIV—XLVII, 686—730; J. S. Theissen, Centraal gezag en Friesche Vrijheid, 1907; F. A. von Langenn, Herzog Albrecht der Beherzte, 1838; Paulus Rodolphi, Proeliarius of strijdboek, bevattende de jongste oorlogen in Friesland in 1518, ed. Ottema 1855; Petrus Thaborita, Hist. van Vriesland, yn Archief voor Vaderl. enz. geschiedenis door Visser en Amersfoort, 1824; O. Sperling, Albrecht der Behertze, 1892; J. A. Andreae, Jancko Douwama, Friesch edelman in zijn leven en geschriften, Dokkum, 1893; van Borssum Waalkes, Was Jancko Douwama een verrader? yn Nieuwsbl. v. Friesl. 21 Febr. en 7 Maert 1903; F. Buitenrust Hettema, Greate Pier yn Fr. Volksalm. 1885; J. van Loon, Was Groote Pier een Noordfries? Fr. Volksalm. 1885; Brief fen de Heemstra's yn F. Buitenrust Hettema, Bloemlezing uit Oudfr. Geschriften, 1890, bl. 74; G. Nauta, Waar studeerden de Groningers vóór de stichting hunner academie? yn Gron. Volksalm. 1910. STATUTEN, endeCoftumenvan AMELAND. 25p Den €ö. <5ettr. enöe 1*0(1 - ttfjifeojra «eere SICKO van C A MMINGA. twrtt» be <2tff - "^ccc öoa fcloen SLanbt» nfrutoltjcttf ofte* matrat / öpccnbcrgabctt/ gdeaugmtnttttt/ wr» bctm «nbe tn i©?utrj uptgfjeg£b«n / met «tnjfj* entw ten oberftaen ban öe jBolmartjtrn ent» Ptnuonaris ban'tSanbt Ende nu wederom op "t nieuws gtdruckf > door bil vin den Ed. Geur. ende Wel geboren Heere W ATZO Fr. moCAMMINGA, teghenwoordighe wy ende ErfF-Heer van AMELAND. Repgau, dy't om it jier 1230 hinne it meast forneamde rjuchtboek fen 'e Middelieuwen, de Saksenspegel, gearstalde. Yn 'e Deutsche Rechtsgeschichte fen Hans Fehr, Berlin. 1925, bl. 184, kin men dit skoandere tsjügenis him oangeande léze: „Taelkindich die er for it rjucht, hwet 300 jier neitiid Luther^die for de religy. Hy skoep in Dütske rjuchtssprake dy sterkernöch wier de Latynske stadichwei to forkringen. Eike fen Repgau lit him kenne as in gleon forearder fen Ienheid. Hy woe in Dütske nasjonaelsteat, sa't Wolfram von Eschenbach en Walther von der Vogelweide foar eagen stie. De skiednis hat it oars üt- wiizge, mar it wirk fen 'e treftige man hat in triomftocht halden. It is üs Kor pus Juris Germanici, dat yn gjin studinteboekerij üntbrekke mei." Dit scoe ik tapasse wolle op de „editio princeps" fen üs Korpus Juris Frisici, dat de prêster Hidde fen Cammingha üt Eanjum op syn eigen parse printsje liet. «OctyUCftt bp Frans Hardomans. 16 5 S. TITELBLÊD FEN AMELAN'S KOSTUMEN It rjuchtlik biwiis moat ik skildich bliuwe, mar it stiet for my sa goed as fêst, det wy yn dit monumint de kodifikaesje hawwe WATSE CAMMINGHA fen Westerlauwerske rjuchten fen de Lidlumer abt Pibe Sibranda, dêr't Sibrandus Leo op doelt. Mar hwa wier Hidde fen Cammingha? Inkel de Camminghanamme bringt üs yn oantinken: aldheid, rykdom, macht, witnis. De Cammingha's bouden swiere stinzen, stiften it Dominikanerkleaster to Ljouwert, skreaunen hjar erfhear fen it Amelan en biklaeiden steats-ampten, tof olie om to neamen. Hear Hidde lykwols hearde ta de geastlike stan. Hy wier earst pastoar yn Dokkum (1466), neitiid yn Eanjum (1472, ek yn 1492). Eekhoff wiist charters oan fen 1483 en 84, dy't it segel hawwe fen „Hear Hidda Kammingha, Persinna toe Nyahow toe Liowerd." Djt is sahwet it iennige, dat men fen him öfwit. Syn persoan skület herder wei yn 'e skimer fen it forline. Ek syn died, syn ütjefte, syn boek stiet net yn ljochtskyndei. Dêr is in riedling fen Fryslan's earste boek. It aldste tsjügenis joech Botte fen Holdinga üt Eanjum, dy yn 1535 boaske mei Hack Feyes fen Eysinga. Op syn brilloft forhelle Douwe Gerbranda fen Harns him, det foar sa'n 60 jier syn alders biwesten de stêd tón hienen op sa'n öfstan, dat mar twa we'nen hea op ien dei ynhelle wirde koenen, hokker tón de sé letter weispield hat. Oan sokke meidielings hied er in bulte nocht Sont syn jongfeintejierren, do't er folie reizge yn Italië en oare tónnen, bioefene er aldheidkinde, geografy en skiednis. Hy mocht de forneamde Coenraed Peutinger, dy de selsume kaert hie fen 'e militaire wegen yn it West-Romeinske Ryk, treffe to Turijn en syn frjeon neame. Jierrenlang arbeide er oan in Wraldkronyk, dy't it Ryksarchief fen Ljouwert yn biwar hat, en oan in wirk, dat ta titel hat De origine, antiquitate et situ Phrisiae. For it greatste part binne dizze wirken skreaun yn Emden, dêr't er as „frijwillich balling fen Christus" sa't er himsels neamt, tahaldde (1567—77), om't yn Fryslan gjin feilichheid for de oanhangers fen 'e Herfoarming wier. Dizze godfruchtige, learde skiedskriuwer makket yn syn lêstneamd boek, dat men yn hanskrift sjen kin yn it Frysk muséum, gewach fen hear Hidde mei dizze wirden, dy't ik üt it Latyn oerset: „It stiet fêst det de skriuwer fen de Wilkerren en de fordieling fen Fryslan, dêr't wy dizze opjefte oan üntliene, it hat oer foarseine hear Greve Ulrick, dy't nou mear as hündert jier lyn yn libben wier (t 1466), sa't wy sein hawwe, hwaens tiidgenoat hy wier, en tsjüget, det dizze bineamings fen Fryslan's delen dotiids yette bikend wierne, en for de wiere halden waerden. Fierder hat Hear Hidde fen Camminga, in edelman, eren pastoar yn Dokkum, en letter yn Eanjum, om dyselde tiid hinne datselde boekje, dêr't wy dizze fordeling fen Fryslan oan üntliene, op syn eigen parse printe en yn it ljocht jown, alhowol hy er syn namme as printer net byset hat, dêr't hjir en dêrre by forskate fen üs lansijue yette eksemplaren oanwêzich binne. Ek hawwe wy yette in oar boekje oer deselde stpffe, skreaun troch in edelman, Sydze Unia yn it jier 1475, sadet it neistenby like ald is as it printe, dat ek de niisneamde fordeling as wier bitsjüget en oanwiist. Botte fen Holdinga doelt hjir op Da Wilkerren fan Opstallisbame en Een cleen Tractaet fan da saun Zelanden. It boek, dêr't er syn biskriuwing fen 'e Fryske Sélannen üt nommen hat, is skreaun troch in tiidgenoat fen Ulrick. greve fen East-Fryslan yn 'e jierren 1464—66. Om dy tiid hinne hat hear Hidde syn boek printe. En dêr is gjin reden om de meidieling fen dizze Eanjumer, dy't sa fen tichteby de saken witte koe, to bitwiveljen. In tsjügenis fen in oar wier heitetónner is fen de Fivelgoaer haedling en stoarjeskriuwer Johan Rengers, dy ienris wenne op it hüs to Mude by ten Post (1542—1626). Syn mem wier Fowel fen Holdinga, fen itselde team as hear Botte, en as sadanich bikind mei de famyljetradysjes fen it alde stamslot yn Eanjum. Hy wier ek sa'n 14 jier balling yn East-Fryslan (1580—1594) om syn griffemearde bilidenis. mar kaem letter yn it earestoelte as lid fen 'e Steaten Generael. Syn wichtige kronyk, dy't Mr. H. O. Feith yn 1852 ütjoech, jowt (dl. III, 2) dit biskeid: Yn myn hjoeddeiske ballingskip en liddichgong, dêr't wy om de sünde fen üs en üs folts yn rekke binne, bitrachtsjende, det de straf fen it hüs Gods ütgiet en by de ünskildichsten bigjint en eindigje wol oan it hiele lan om de godfruchtigen üt ljeafde to kastijen en de kweaden to straffen, as dizze wrald yette in skoft bistean scil — hwet ik net leauwe ef oannimme kin — haw ik myn bern, dy't noch lyts binne, mei dit wirk ünderrjuchtsje wollen de Friezen oanbilangjende. Hwent alle frijheden, rjuchten en eare, dy't de Friezen hawn hawwe, komme ek dizze Ommelannen ta, as yn it formidden fen allegearre lizzende. Der Friezen greatme liket west to ha'wwen fen 'e Ryn óf oant de lannen, dy't nou Holstein hjitte, by de sé lans en oant it lan nei Utert ta, mar neimiels formindere. Sa't Hear Hidde fen Camminga, pastoar yn Eanjum, efter yn in Frysk lanrjucht yn printinge ütgean litten hat, forgearren de saun Fryske sélannen to upstallesbeam. De trêdde tynge is ek wer üt it frije tón fen greve Edzard, üt East-Fryslan, n.1, fen de pryslike Ubbo Emmius, dy yn it skiedwirk Rerum Frisicarum Historia (Lib. XI, 175) Ludg. Bat. 1616 dit boekstavet op it jier 1276: Keizer Rudolf fen Habsboarch hat oan it alde Fryske Rjucht yette tsjien haedstikken tafoege, dy't mei it oare opnommen binne yn 'e kodex fen üs Bodders yn 'e Fryske Striid ' wetten. Hja binne yn Keulen foar 130 jier printe yn 'e heitelanske tael en wraldkindich makke. Dit skreau Emmius net yn 1616, mar neffens de opdracht yn 1598. Trekt men dêr dy 130 jier óf, den jowt dat 1468, hwet aerdich strookt mei hear Botte syn opjefte. TO UPSTALBEAM BY AURICH Op groun fen dizze heechsteande tsjügenissen is hear Hidde printer en ütjower fen de „editio princeps" fen it „Korpus Juris Frisici" om 1466—68 hinne. It is de moeite wirdich dêr in amerijke by stil to stean. Hwet foar it jier 1500 oan printwirk yn it ljocht kaem neamt men ynkunabel, d.i. widzedruk, omdet de eale kinst noch yn it opkommen wier, yn 'e widze lei. En hwet waerd do printe? Allegearre foltsboeken: almenakken, foltsforhalen, astronomyske kalinders, brevieren, missalen en oare boeken fen stichtlike ynhald lyk as De Civitate Dei fen Augustinus en de Imitatio fen Thomas a Kempis. Mar dit wier gjin boek for de greate mannichte. Ek gjin keapwaer for 'e boekekream op 'e merke. Dit wier in boek for de blom fen it Fryske folts, for inkele ütkarden, dy't stüdzje makken fen Frysk rjucht en Fryske tael. Sa'n takeling, hjirre in abt, dêrre in haedling, jinsen in münts, pielde der mei. Dat is op to meitsjen üt it lytse tal Fryske rjuchtkoden, dy't hjoeddeis yette bisteane. Men kin se op 'e flngers telle. Dêr hat men earst de kodex Roorda yn 'e Provinsiale Boekerij (pl.m. 1480), in rjuchtboek, dat frijhwet üntliend hat oan 'e Saksespegel. Dêr komt ek yn foar Thi foerdghung this Riochtis, in Fryske oersetting fen in praktysk learboek oer it pleitsjen by it geastlik rjucht, opsteld yn it Latyn (13e ieu) en omarbeide for Fryslan (15e ieu). Jhr. M. Hettema hat dit hanskrift ütjown yn 1834 ünder 'e titel Jurisprudentia Frisica. Ienris wier it eigendom fen Upke fen Burmania, de Wierdsma's en von Richthofen. Den is op 'e Provinsiale boekerij de 15e ieuske kodex mei Wester-Lauwerske rjuchten fen Sibrandus Siccama (1617), letter yn eigendom fen Gabbema, Schwartzenberg, de Wierdsma's en von Richthofen, bikind ünder 'e namme Jus Municipale, yn haedsaek de tekst fen 'e ütjefte Oude Fr. Wetten fen Wierdsma en Brandsma (1782) en gearstald yn de Hettema-ütjefte, ütjown troch it Frysk Genoatskip yn 1847. Fierders hat men yn Oxford op 'e Bodleyaenske boekerij de kodex fen 'e balling en wettergeus Sybout fen Aysma (1534—1604), biograef fen boargemaster Tsjerk Walles, in hanskrift, dat eigendom wier fen Franciscus Junius en yn 1660 brükt is troch Janus Vlitius. Ta dy Juniana to Oxford heart ek in öfskrift fen 'e Syds Unia kodex (pl.m. 1470), ienris eigendom fen Gabbema, tosiik rekke, lykwols kopieare troch Junius en biskreaun troch Prefester Siebs yn syn West-Friesische studiën (1895). Den binne dêr op 'e Kanslerije inkele koden mei Hunsingoaër lanrjucht. Ien wier it eigendom fen de greve In en Kniphuzen, hear fen Nienoard en Fredewolt (forkoft yn 1742) en fen Mr. D. F. J. van Halsema, redger to Wirdum yn Fivelgoa (1781) en fen Petrus Wierdsma Sr. en Jr. If slot fen dit hanskrift is: Dizze dingen binne opsteld yn it jier fen Gods genede MCCLII yn bywêzen fen 'e hearen abten Eylward, Heyko en Fretheric en fen FACSIMILÉ UT DE KODEX ROORDA de wize mannen fen Hunsingoa. Dy't my skreau hie de namme fen Elbertus. In oare Hunsingoër kode is öfkomstich fen de Leidske heechlearaer en Kalvinist Scaliger (pl.m. 1609), fen hwa't er oergie op Ubbo Emmius en letter op 'e Wierdsma's en von Richthofen. Ek is dêr de kode Warner Emmius (in Grinzer riedshear pl.m. 1650 en neisiet fen Ubbo Emmius) mei Fivelgoër en Oldampster lanrjucht. Ienris hat Gabbema hjar brükt en F. Junius makke der in öfskrift fen, dat yn Oxford sit, letter wier hja eigendom fen Mr. D. F. fen Halsema, de Wierdsma's, von Richthofen en Fryslan. Hwet it Iemsgoaër lanrjucht oanbilanget hat men ek op de Kanslerije de kode Ernst Frederik fen Wicht (ein 16e ieu, sneuvele yn Poalen 1603), neitiid gie hja oer op Matthias fen Wicht, de ütjower fen it Eastfryske lanrjucht, Mr. fen Halsema, de Wierdsma's, von Richthofen en Fryslan. De kleastermüntsen skreaunen meast dy rjuchtsdokuminten oer, sa't men bygelyks léze kin yn in kode fen Hunsingoaër en Fivelgoaër rjuchten, dêr't it Frysk genoatskip eigner fen is. Hja hat dizze oanteikening yn it Latyn: „Dizze kopy kloppet mei syn origineel fen letter ta letter, hwet ik Johannes Markus, münts fen it kleaster yn Thesinge mei myn eigen han bitsjflgje yn itselde jier as boppe oanjown is (1530)." Yn in kodex üt Rüstringen stiet: „Dy't my skreau hie de namme Ricmarus." Ien üt Brokmerlan, yn eigendom fen de Von Wichts en Wiarda, hat dizze wirden ta ünderskrift: „Skreaun troch de han fen Osprondus." Mei dat kopiearjen koe it nou üt wêze. De boekdrukkinst saeide as in réddende ingel üt 'e himel del. En hear Hidde die de foarstap op it wide fjild om de rjuchtlike dokuminten troch de parse to formannichfaldigjen. • Mar hwer hat er dat dien? Hwer stiene dy eigen parsen, dêr't hear Botte fen skriuwt? Hjir geane de bitinkens fen 'e learden fier üt inoar. Yn in eksemplaer, dat it eigendom wier fen 'Schwartzenberg, stiet1 as titel skreaun: „It Rjuechtboeck fen alre frya Freezena. Freeske Landrjuecht, ien aade tieden beschrjcecewn, so az dat baad di Keizer Kaarl Magnus to Room, om it 800 jier nei Christus, dêrnei Rodolf de Keizer, om it 1273 jeer. Droekt ien 't Kleeasfer bij Jr. Hidde fen Cammingha, Parochijaen, eerst to Dokkum, da to Aanjum, Goeltjes 5. Thet thu thi nowet ne ower hore. 6. Thet thu nenne mon ne sie. 7. Thet thu nowet ne stele. 8. Thet thu thi nowet ne ursuere, ne nen falesk withscip ne driue. 9. Thet thu nenes thines evencristena wives ne gereie. 10. Thet thu nenes thines euncristena godes ne erie. De Rüstringer Friezen liede hjar lanrjucht ek fen God öf, fen Rome, Octavianus en Mozes. Hiele rigen keningen en keizers wirde opneamd, ek de tsjien geboaden wer yn in oare lezing, lyk as hjir neifolget: 1. Thin god thet is thi ena, ther skippere is himulrikes and irthrikes, than skaltu thionia. 2. Thu ne skalt thines godis noma nawet idle unrfa, ther mithi send ti urbeden alle menetha. 3. Thu skalt firia thene helega sunnandi, hwante god hini reste, tha hi eskipin hede himulrike and irthrike, ther umbe skaltu ierne firia thene helega sunnandi. 4. Thu salt eria thinne feder and thine moder, thet tu theste langor libbe. 5. Thu ne skalt nenne monslaga dva. 6. Thu ne skalt nen hor tha nen overhor dua, buta mith thinere afta wive skaltu godilike libba. -' 7. Thu ne skalt nene thiuvetha dva, and ne skalt nawet ieria ova thines ivenkerstena haua, ther thi fon rivchta nawet wertha ne mugun. 8. Thv skalt nen unrivcht dva. 9 en 10. Thv skalt minnia god thine skippere mith renere hirta, and thinne ivinkerstena like thi selva. Thessa tva bodo beslutath alle tha othera bodo. Wichtich is, det dizze prologen by alle forskaet yn it Fryske rjucht, itsij by de Hunsingoaërs ef Fivelgoaërs, itsij yn Brokmerlan ef Rustringen tobekgeane op ien mien grounstik en in taestber biwiis jowe fen stam forban. Dêr is den ek gjin reden om dizze rjuchtskatechismus mei hjar skögings oer godlik en minsklik rjucht to skieden fen sa'n sechstich kêsten en de Karel-Redbad-saga, dy dêrop folgje. Dy kêsten geane oer de ynkomst fen de greve, de hearferd, de greatme fen diken en wegen, it tsjerkelan, it liengüd, de fadije, it rjucht fen greve en skelta, ervjen en forkeapjen, skea en oerlêst, boedelrjucht en asegarjucht. Nei dit foarwirk litte wy yn 'e rige de sekstjin oare delen folgje. 11. De saun Magnuskerren, „dy't de Friezen kerden, do't hja to Rome de frijdom bikrongen en do't de striid oplöge wier twisken de Romera hearen en kening Karei om de eagen fen paus Leo, dy't de Romera hearen bline hiene. Do brocht men de neakene Friezen foaroan, det hja it earst forslein waerden. Do klearren de Friezen it mei it lüf en bifjuchten it sa manlik, det hja de Roomske stins wounen. De trêdde tiid op 'e dei wylst de Romera hearen oan it miel wierne, brocht Magnus, dy't de Frezena fanadrager wier, syn fane op de allerheechste toer, dy't binnen Rome wier, ho'n leed it kéning Karei ek die. Alear wierne hja neakene Friezen, do neamde de kening hjar allegearre hearen. Alle jeften dy't de kening oanbea, oerspriek Magnus en keas in oare, folie bettere jefte en alle Friezen joegen hjar ünder 'e Magnusker." III. De sauntjin kêsten: „Dit is de earste kêst: Dat alleman syn eigendom walde, alsa lang as hy it net forbard hat. Frede sij alle godshüzen en alle godsljue. Koft lan en godshüslan, dat de hilligen jown is ef ynboekt is, moat men halde mei saun mannene wytéden, en der scil gjinien fen meinedich ef manslachtich ef mei hoerdom bismet wêze. En hja scille kenne hjar Pater noster, hjar Credo in Deum, en de Skriften, det présters en wize leken hjar dêr net oer oansprekke. Dat alle Friezen in frije rjuchtstael bisitte, sa fier hja frijberne binne en frij sprekken hawwe. Dit joech hjar kening Karei, omdet hja Kersten waerden en trou en hearrich de Suderkening, en klipskyld opbrachten en huslaga bitellen by Asega doem en by ljuwe lanrjucht en dêrmei keapen edeldom en hjar frije hals. Hwent alle Friezen hearden alear yn it Noardske keninkryk, yn de grime herna" ensfh. Dizze 17 kêsten, dy't yn alle Fryske goaën krêft fen wet hiene wirde fen de Fryske wetten for de aldste halden, n.1. üt it jier 1038. Dêrfor hat men ta biwiis in meidieling fen Wipo, in tiidgenoat en libbensbiskriuwer fen keizer Koenraed II, dy fen 1024—39 regearre. Nei in forhael oer in tocht fen 'e keizer nei Italië, dêr't men yn opstan wier (1038), lit er folgje: „Do't de keizer weromkaem, teach er oer Bazel, bisocht er East-Frankryk en Sakselan, en ek Fryslan om dêrre de frede to bifêstigjen en wetten to jaen. (Sjuch Ph. v. Blom, De XVII keuren en de Vrijheid der Friezen, Fr. Volksalm. 1892). De kêsten hawwe dit stichtlik ein: Dat VII Zeeland is Rustringaland, Winingaland, ende Buthiageheraland; huelc land bisith Sibolt, Edesoen, Joncker Kene suager. Item Owerlengerland, Moermerland ende Lingen, dat sindt delen disser zelanden, huelc ioncker Keno aec bitwongh, ende Focke Ukema disse tria landen fen Keno beleende. Ende neen landishera ne mochten disse zelanden bitwingha, bihala disse Focke vorscrioun. Item Segelterland is aec een deel fan disse Vil zelanden, ende iout tribuet ende schat den biscop fan Munster. Ende Scheedland, Haedelreland, Wymderland wr dio Wesere, sintt aeck delen fan disse VII zelanden, disse haet bituongen di biscop fan Bremen; mer Dithmers is eeta oenbihinderd. Wy freegje: Wier dit feit? Wier it dream? Wier it program? Wier it proklamaesje? It andert scil wol wêze moatte: Fen alle fjouwer hwet. En dit stiet fêst: It is in utering fen aldfrysk stamlibben üt 'e ieu fen hear Hidde Cammingha. Syn kode scil in djür bisit bliuwe for 'e Fryske stam fen WestFryslan oan Dithmarsen ta. Sjuch: W. Moll, Kerkgeschiedenis van Nederland vóór de Hervorming, I, 373; A. WybrajKh, Gesta abbatum Orti sancte Marie; Wumkes, Godsdienstig leven in een Friesch Klooster, yn Het Noorden, 1904; H. E. J. M. v. d. Velde, Rudolf Agricola 1905; G. W. Kernkamp, Rekeningen van Pompejus Occo aan koning Christiaan II van Denemarken, yn Bijdragen en Meded. v. h. nist Óen. dl. 36, bl. 255; A. Telting, Het Oudfriesche Stadrecht, 1882, en De Friesche Stadrechten, 1883; de Haan Hettema, Beknopte opgave der hs. en gedrukte werken in de Fr. taal yn Taalk. Magaz. v. d. Jager, 1837; deselde, Oude Fr. Wetten, 1847; W. Eekhoff, Betoog dat de eerste druk der O. F. W. gedrukt is te Leeuwarden, yn De Vr. Fries, VII; J_. G. Ottema, Over den ouden druk der Fr. Wétten, en Naschrift over B. v. Holdinga, yn De Vrije Fries, VIM; C. Schotanus, Beschrijvfnge van de Heerlyckheydt van Frieslandt, 1654, bl 36—106; Wisrdsma-Brantsma, Oude Fr. Wetten, 1782; v. Richthofen, Friesische Rechtsquellen, 1840; C. Börchling, Die Niederdeutschen 'Rechtsquellen Ostfrieslands, 1908; Buitenrust Hettema, Bijdr. tot het Oudfr. Woordent)L£:I888; deselde, Der alte Druck der Westerl. Rechte yn Germania, 1890; XXXV; Siebs, Westfriesische Studiën, 1895; deselde, Zur Geschichte der friesischen Sprache yn Paul's Grundriss I, 1167—72; P. Bonaventura KruytwagCn. De uitvinding v. d. boekdrukkunsten Handel. M. Letter, 1917|18; J. F. M. Sterck, Onder Amsterdamsche humanisten, yn Het Boek, 1917; G. A. Wumk'és>Twa eedformulieren üt it Aldfrysk Rjucht yn It Heitelan, 1925. REYNER BOGERMAN YN bul fen Paus Eugenius IV wiist üt, det de alde Friezen tsjerke I to Rome yn 1446 hast in pünfal wirden wier. Gjin prêster bitsjinne mear de Mis. Gjin pylger üt it affaers-lan knibbele dêr mear del. De Friezene koloanje lei üt inoar. Seis it eigendom fen 'e tsjerke bisocht men hjar to üntkreauwen. De namme allinnich bistie yette: Sint Michaël Frisonum. Dit hillichdom wier in byld fen it heitelan. Mr. A. van Halmaël dielt Fryslan's skiednis yn fiif tiidromten: 1° It fabelhefte Fryslan (1—773); 2° It frije Fryslan (773—1498); 3° It oerhearde Fryslan (1498—1584); 4° It steedhalderlik Fryslan (1584—1795); 5° It nijere Fryslan (1795 oant nou). Op dizze yndieling fait hwet öf to tingjen, mar mei alle rjucht is it Fryslan fen it trêdde tiidrek it oerhearde. De Saks en de Habsboarger wierne baes, om net to forjitten de Onderlinge twaspjalt. Jancko Douwama, de greate martler en patriot, mocht syn traktaet oer de earste jierren fen 'e 16e ieu wol neame „Boeck der Partijen." En den freget er: Hwet is Partije? En syn antwird is: „Nei myn allerbeste fors tan is Partije net oars as Divel ij e. Dêr't frede en iendracht is, dêr mei gjin partij wêze. Dy't fen 'e frede öffalle en oarloch mei oare forwoasting fen 'e lannen siikje, dat binne Belialsbern." Sa preke dizze frede-apostel üt syn finzenis to Vilvoarden, mar sünder wearklank. It Boeck der Partijen einet mei dizze herttoskoerrende klachte: „It rjucht, dat ik winskje, wirdt for my sletten." De Fryske frijheidsfaem mocht rouje. It ald honk waerd forkoft oan Karei V. En jimmeroan haldde de keizer syn han op om jild. Nou in bea om fjirtich tüzen, den om sechstich tüzen goune. En altiten wer wier it biteljen. Allegearre plichten. En hokker rjuchten? De Fryske landei hie neat yn to bringen. It tal netFryske riedshearen dijde stadich üt. De frjemde amptnerij, dy al- titen it foltseigene bisiket del to triuwen, soarge wol, det it Frysk as amptlike tael oan 'e kant rekke. As men flndersiket, hwennear üs sprake as fiertael fen it steatkindich en tsjerklik biwald om hals kaem, sprekke de jier tallen fen 'e dokuminten düdlikernöch. Ik ploaitsje in hanfol ieren üt de swide rispinge fen sa'n 700 Fryske charters, dy't men de skürre ynhelje kin. De léste 25 jier fen 'e 14e ieu sjitte hja oan alle kanten op ünder ynfioed fen 'e winnende stédmacht. Den bitsjügje „Riocht ende Reed der steden ende Delen fan Westergo, foergaderet to Bolswert op sinte Servatius deij int jeer fioüwer ende sauntich dat Fraenkera sted jef büren schellet riochta wr hals ende wr haed, ende wr alle sacken ende misdede" (Charterboek 13 Maeije 1374). En Eastergoa jowt in brief mei fen feilichheid oan „tha goda liodim fan Omlond in vse land thi farane ende tho fletane thi Groninghe end fan Groninghe, thi capiane ende the sellane, so ze vr nethreft manich nach lida." (Charterb. 16 Febr. 1400). De 15e ieu smyt it net minder fen Fryske oarkinden op. Den forkeapet Thiard Jorixsen Poepkama oan Hetto Dekama „mey frie wille ende mey foerthochta senne" (syn) sted to Weydum dir (him) tholeyd en byspritzen is van Sioken Poepkema (siner) moye, dir Hetto nestlegir by is on dir westre syde ende Poepkema on der aester syde. (Vrije Fries XIX 1900. bl. 298, Maeije 1450). Den komt Rippert Witiaz, geaman to Jirnsum foar Johannes pater fen it Aelsumer kleaster op Sinte Servaes dei yn it reventer, ende lowet ende onheet, dat hi toestoed al dat riucht fon ayndom jeff nyar, deer hy hat, jeff hawen haed, op dyo sex pundemeta lands, deer lidzit op dio westera siid fon dio saute greft. (Charterb. 14 Maeije 1476). En in ütspraek folget yn in „schilinghe twysken Lyouwirderadeel van den ena ygh, ender der sted Lyouwerd, also fiir als dat stedriucht gheet, fan dae ora ygh, als om dae aulde Eed tho slathen, ende om diin Leppasyl tho Dockum tho bykostghien (Charterb. 13 Sept. 1477). Fierdcrs forklearje seis ynwenners fen it Amelan, det hja fen hjar alders heard en forstien hienen, „dat in foertiden als da Hollandera mit hiara grewa wt Freesland jaggeth ende ferslayn weren da eelanden greet hinder, ende schae litten, Aemlandera hiarra dieer aef-rawet ende daet waerden ende hiara gued binimmen waerd ter tijt datze mit den Hollandschen hera seenden. (Charterb. 24 Nov. 1494). Stapt men oer 'e drompel fen 'e 15e yn 'e 16e ieu, den kin men yette in testemint opikkerje, great acht blêdsiden printinge fen De Vrije Fries (XVI, III. 4, bl. 574). It is fen Eedwer Sjaerdema (1510) en mei dizze oanrin: In dy namma Goden amen. Int jeer ws Heren tusent fyfhundert ende tyaen den saenenden tweintichste dey in Maijo scoe hab ick Edwar Zijarda bitocht dat ick een sterflik menscke ende dat ick naet sykera dan dy daed ende naet oensykera dan dye wra des daedes ende byrauvet van God mijn syoen ende cranck van lichaem, mer sterck ende foerstandel van sinnen ende hab roepen dissen notarium ende orkenen ney scrieuwen ende hab by scaet dat ick myn leste wille hab wtspritzen ende hab myn testament jef lesta willa bytyoehd ende wil dat dit schil wessa myn testament. Nei 1510 dwine de oarkinden yn 'e heitelanske sprake hird wei. De tael wirdt ek ünfrysker. Sa skriuwt Douwe Hoytez, grytman fen Haskerlan yn 1521 ünder it brief fen in akkoart twisken Gabba Sipkesz en it Hasker Konvent: „dat dessa landen hyrbuppa in dissa titel! quitancie off wandelbreef benaemd, ende besondert, sint uproepen wr Tserka ende Waer, eens, twa, trya, ende vp den tredda dey hab ic fregeth eens, orsta ende tredda reys, off emmen dit wandell hyr buppa scrioun, wolde scutte off enigerleye wys behinderie, soe ister nemmen kommen, deert impederet het mey werden off panden. Dit is allegearre boustoffe üt it Great Placaat en Charterboek fen Fryslan. Giet men de 175 charters nei üt it wolfoarsjoene archyf fen it St. Anthony-gasthüs yn Ljouwert. dy rikke oer 'e jierren 1406— 1561, den binne dêr 120 by yn it Frysk. Om 'e skoat fen 1520 wirdt it allegearre Leechlansk hwet de klok slacht. En wünder boppe wünder is der yette in dokumint fen 1541, mar dêr priuwt men den ek net de amptnerije üt, mar it eigen folts. De saek wier: Japik Femmis en Alijt syn wiif wennen as hüswarders yn by hear Wabbe, vikaris to Ljouwert. Japik siet frijhwet yn 'e herberch, hie in lilke drank oer him en spoun den hird jern. It roun safier, hear Wabbe waerd it sêd, Japik moast syn libben betterje, oars koed er oppakke. En nou ünthjit er betterskip mei dizze forklearring: Ik tanckje hem halick, datter mij ende mijn wijff ende bern al duslange huijswestinghe deen hat, ende ick bijken wol, det hij uus naet bijhoef ijs, mar wij sijnne hem bijhoeff ende alle datgijn, dat ick dwaen kan bij deij ofte by nacht, dat sal tho syn thijnst wessa, ende ick wijl nijn schortijnghe meer meij hem habbe. As men pinfisket yn 'e archiven fen 'e saneamde ünderrjuchten, dy't men noutiids kantongerjuchten neame scoe, en men blêddet yn dy forgiele reces- en proklamaesjeboeken, den kriget men wer it jier 1510 as grins for it amptlik Frysk. Den skriuwt foartiid Bokke Harinxma fen Snits yette mei fleur greate Fryske brieven, mar midden yn 'e Saksentiid is it hu! De proklamaesjeboeken fen Frentsjer (1538—44), en de recesboeken fen Ljouwterdiel (1535—43) hawwe de frjemde mantel om itskouder, al sit hjir en dêr noch in Frysk lapke. Sokke lapkes kin men to hea en to gêrs yn 'e alde registers yette opikkerje. Ik nim foar my it Register fen Oanbring, it floreenkohier, dat yn 'e Saksentiid opmakke is (1511). Op lést fen it frjemde regear moasten de grytmannen alle Fryske boeren en boargers oarder jaen om op in dei, finder forban fen in eed, to forklearjen, hofolle lan elts brfikte, hwa de lanhearre wier, hwet it opbrocht ensfh. Dy't dêr ünwillich yn wier, krige swiere boete. Oan dy biskriuwing tankje wy in goudmyn fen Fryske witnis üt dy tiden, ek de tael oanbilangjende. Dêr hat men yette hünderten heitelanske nammen yn hjar alde, swiere, swietlüdige, foarm, lyk as: Garypera fennen, Bonsera hem, Ramswerdera bwren, Genardera doester, Bethlehemstera landtheeren, Haskera convent, Doecka Mertna kijnden, Rijpertzerkstera priesteren. Dêr blinkt mank dizze einleas skiere opjeften, dy't yn amptlik Leechlansk opsteld binne, de goudglans fen üs tael op eltse blêdside. Dêr lést men: Lijauwe Auste selm lanthera, lan dat „jeldit" VI sturen; hjirwt berret dae priesteren XIX st.; Syrick Tongersz landhera bet. XIV aijnsen meden, personna in pandreghae landhera, lidzet in pandregha, Minne op dae miede üt voersz. zietta; Hora setta es LXXXI DE FRYSKE MIELTYD, nei in 16e ieusk skilderij yn It Frysk Muséum, mei it Frysk ünderskrift: Die Fryesche taefel wyer all tyden versyoen mey principaele riuchten op harre Kerstendeggen hallingen off frionne spreckinne. pondten; dat Personaetscip to Hantemhuysen; Dowa Jousma heerscip, Patroen bert wt voersz zietta XVIII st. Dêr kriget men it Fryske wetterlan foar eagen yn al syn eigenens, dy't him iepenbierret ek yn syn bineamingen, lyk as: De waessige wielswol, de waessijge rijd, de Breckena horne, de Henggema schar, de suder egge van Jelte sloet, it broextera leegland ensfh. Ik eagje ek ris yn de Beneficiaelboeken fen Fryslan, opmakke ta foldwaning oan it kommande fen „frowa Marije fen Hongarije to Brussel" (25 Aug. 1542), üt namme fen keizer Karei V, en yn great folio yn 1850 troch de provinsje ütjown neffens de biwirking fen J. van Leeuwen. Hja jowe in oersjuch fen it patroans-, pasterije-, vikary- en kosterygüd; hwet pastèrij, tsjerke, vikaris ef koster ta syn beneficium (geniet) hie yn gea en goa; hofolle de pastoar fortsjinne as er in bern doopte, in siik minske bisocht, in hylk ynseinge, in kreambisite öflaei, in stjerrende bitsjinne; hofolle bolle en büter op elts erf lei, to biteljen op Allersielen; hwet de prêster krige fen in alde en fen in jonge deade. Dêr sjucht men, ho hy de Peaskekêrs for it heechalter wijt, ho't yn it doarp Skingen in kwartet fen koarsjongers tsjinst docht, ho't boeven, omstründers en weiglüpte soldaten op in lien yn 'e Ryp rinne. De pastoars fen alle geaën moasten sokke dingen opjaen, fensels yn 't Leechlansk, mar dêr wierne by, dy koene dat net. Hear Ewe fen Tdjefkgeast skriuwt: Een pondameta op dae Kneppele, dy noorder ayen rent oen dye maer, die swder aeyn rendt oen Aetta landt, Eebe Mertens oen dae aestrezijda ende Wyba kynden oan dae westerzijda. Een pondameta op dy Sandghaest, dy noorderaeyn rent oen dy alda wey, dy swderaeyn rendt oen dat reydland, oen dye westra syda Botto, oen dy aestra zyda Taecka. Pastoar Leo Tellus fen Blije koe mei dat LeechlSnsk alhielendal net oerwei. Hy docht in oanrin yn it „Dytsk," mar fait den hommels yn it Frysk en skriuwt (bl. 141): Ick fogue ju aeck Her Gretman toe wyten, hoe Johan to Bannerhuys dese vierdehalve pondematen, dyr lydzet opt noord hyer buppe voorsz. by Takama meeden, wil halde voer aeyn, ende foerbydet Jacog syn Landsette, datter dae Patroon zyn Heer naet schil bytellie sonder riucht, hoewall dat Jacob dit land inhyerd hadt van dae Patroon, ende Jacobs foerfader aeck inhyerd in presentia van my ende van salige Gabbe Scheltema, ende als ick wal weet dattet land in foertyden is affiaten, by een genoempt Tyepke, die welcke my ende salige Juke ende Douwa to Bannerhuys baede, datter dat land most slate van die fenne, dyr Jacob nw bruckt, hy dede soo fulle dyer naet datter byslaen mochte, 't welck wy voorsz., ouwermits zijn beed, habbe gund om zyn schamelheyt, ende ick heb dyer bystyen dattert aeff hadt sletten, men nw syocht Johan, datter nymmen van libbet dan ick allinne, zoo is zyn meninghe, als my tencket, dit landt aeck in toe scrapien, ende ick loeff naet tinckyae dat disse Johan ende zyn broers net tinckyae dat hyae een zeel habben toe foerlyesen, dyerom ist van noed dat ghy willet komme, om oers schurtinge dyer mey ws is, om dae foerclaren 't welck toe lang is to scryuen. Item, ick hab Maester Zydts myn leenslanden al wrjouwn int scrift, ende alleer dae Heeren placcaten zynt proclameert, ende dyr wil ic by blywe; Gode befolen tot allen salicheyt. Leo Jelhis. Hokker ynfryske sizwizen komme dêr üt dizze Lieuwe Telles syn pinne. Men kin merkbite, de man tinkt yn syn memmetael, en it Leechlansk knypt him net oars as Sauls wapenrissing David. Ta einbislüt gean ik yette in stap fierder en nim it register fen geastlike opkomsten, dat gearstald is yn 1580 en yn druk bisoarge troch dr. J. Reitsma yn 1888. Dat is ek Leechlansk yn syn tael, mar dêr sit frijhwet oersetting üt it Frysk mank. By de opjefte üt Tearns stiet it der mei safolle wirden by: Dit is fen wird ta wird oernommen üt in ald perkeminten boek, dat yn foartiden ta de bernedope brükt, oerskreaun en foun is yn 'e tsjerke fen Tearns. Op it boek stie: Divae Catherinae in Teems est liber. It wier yn't plat Frysk skreaun, mar waerd for dizze opjefte yn 't „Dütsk" oerset. Dizze Fryske list wier üt it bigjin fen 'e 16e ieu. En sa is dêr mear; bygelyks forklearje de tsjerkfaden fen Hantum, det anno 1577 lêstlyn twa tsjelken üt de tsjerke weinommen wierne, sünder to witten hwa dat dien hie, „vermits tselve gedaen is sonder enige glasen, doren offte vensteren tbreken, end heft de prester de kaie gehat, teweten de jongeprester Ublo Saspers, in sin bewaringhe." Lit men de amptlike stikken farre en siket men op oare gebieten, den binne dêr yette priislike dingen, dy't net biside bliuwe meije. Om 1530 is der yn it Latyn in lytse grammatika fen de Fryske tael opsteld, dy Gabbema yn it twade diel fen Gysbert Japiks' wirken ütjoech (1681) ünder 'e titel Quaedam ad Grammaticam spectantia, Linguam Phrysicam, et prima elementa, ante centum quinquaginta et quod excurrit annos conscripta. Hiel koart wirdt dêryn bispritsen it nomen, it adjektivum, it telwird en de klankleare, allegearre taljochte mei foarbylden. Ut deselde tiid — it lit him tinke, ef efkes foartiid — stammet in Frysk kronykje, dat it Frysk Genoatskip ütjown hat yn 1853 (Oude Friesche Kronyken, bl. 207—210) en Mr. J. E. Heeres yn in oare redaksje (De Vrije Fries 1890 XVII, bl. 439-448). De ünbikinde skriuwer hat brükme makke fen die Olde Freesche Cronike (Sjuch Oude Fr. Kr. bl. 211—249. dy is fen it jier 1474), de Gesta Fresonum en oare foltsforhalen. It bigjin is: Als wy lesad in cronicis, that der weren thre broderen, ther Fresiand eerst begunden. Thi ena hiet Friso. Thi oara hiet Saxo. Thi tredda hiet Bruun. Thi Saxo mackat that land to Saxonia, that coem fan sin nama, ende that bi ther Elwa bi land tha flothe. Thi otter broer, thi hiet Bruun, di mackat Brunswyck ende Westfalen, that logh is by ther Wesere, ende alder tymmerad hi een steenhuus, der heten is Bruensberch. Thi tredda hie Friso, ther is Fresiand eiter nameth. Ende this taech VII sennen ende en dochter, ende hi sette eiken senne in een sonderlinga zeiand, ende ther (weren) VII zelande. Ende thio dochter Wymede, ther is alzo nameth, tha sette hi in Wymdisland, deer that twetter vmme ginck, Hilderia, Thitimaria ende Tadalem. This wolda tha broderan breda, that is twiscka tha Wysere and tha Elwa, litich 'is ther wonyan, and send wrdreven to Stath and tot Hammerstene, tha deel send strenstzen alder to Thisse land send alsdus heten: Haddingaland, Ditmerhaland, Kedingland, that is wtkomen fan Winkemaland. It slot is: Tha Fresan wonnen en stadt in Hyspania, thio heyd Wlixlbanna, fan den Sarratenen ende tha Heyden. Alder ward liteka Popka, fan Fresiand, daed scetten: Ende die fen Dockem, ende ander Kersten liode, die wonneth en floeth, that were óp eenen diep, thr hyeth Nyla, thio stad heeth Damita, ther weren Sarracenen ende other Heyden, ende tha fen Dockem wonneth that aerst. Die Heyden worpen wt ther Grekis floer; daer to ienis soe dede tha fan Dockum pissia in that sand. Die fria Fresa haed en wt Fyvlinghalande, die heed een yrssen floyle in siner hand ende sloeg nether, dat him nymma mochte to ienis stean. Lambert, thi was fan Katryp, die sloech twee dusenth manne daed vp Sancte Mariaburch, in Prusen, der fordect weren in sacken, ende op waynen quamen, ende sculden winnen Mariaburch, in Prusen. Mynna, ther was boren wth Westerghe, thi foerde thin wimpel to Akis, doe dat weer gewonnen, ende thi werd deed schetten, ende die Fresan die wonnen Aken, mith tha Keyser Wilhelmus. Sjedêr, in griemmank fen Frysk en Leechlansk üt 'e tiid, do't de tael twisken Fly en Lauwers amptlik de delklap krige. De léste sike wier net fier, mar in blinkje libben striek by tiden oer it deadske wêzen. Yn 1558 joech kening Filips II fen Spanje oan Jacobus fen Dimter oarder om de plattegroun fen alle stêdden yn 'e Unyearre Provinsjes op tó mietten en yn kaert to bringen. Fyftjin jier hat er dêr oer arbeide. Ek in Fryske kaert brocht er op it koper. Dy wier teikene troch de Menamer pastoar Sybrant Lieuwe (Sybrandus Leo) en opdroegen oan syn ljeave broer yn Christus Idzert Klases (Idzardus Nicolaus). As men dy kaert bisjucht treft yen daelk de ynfryskens. De nammen binne allegearre sa't hja yn 'e folksmüle libje: Skylje, Amlaan, Schiremuntziaeg, Lyowerdt, Harns, Snitz, Waarkvm, Hylippen, Staerum, Slaet, Aldemardö, Aadegaa, Englom, Molkwèra, Aestereyn ensfh. Under oan 'e kant stiet dit lystke: Stedden 11 Gaeen 329 Claesters 42 Abdien 8 Gretenien 29 Aestergoe, Westergoe, De Saun Waalden 20 kleasters, 20 kleasters, 2 klaesters. Dizze wiidweidige dokumintaesje moast wol foaropgean om ütkomme to litten yn hokker tiid de bertestoune fait fen 'e Fryske letterkinde en de Fryske tael literatuertael wirdt. Dy ure slacht yn it tiidrek, det it Frysk as amptlike tael weistjert. Hjir is fen tapassing de spreuk: „In medio morte vita" (mids de dea it libben). En nou gean ik yetris tobek op Hear Hidde Cammingha. Dy hat noch in oar spoar neilitten as de gouden ynkunabel. Hy liet it heitelfln in learfeint, dy syn foetleasten folge. De prêster-learmaster gyng foarop om de heitelanske saek to tsjinjen, de discipel sloech de han oan it findel as doktor juris. De Friezen hawwe altiten it biskreaune rjucht heech halden. Tüzen en yetris tüzen kear binne hja opstien tsjin hjar Onderdrukkers, mar nea tsjin 'e Wet. De foarnaemste punten fen 'e Wet wierne hjar net ünbikend. Hja hiene der niget oan dy to witten. Rjuchtstüdzje hat altiten heech stien by de Friezen. Dêrmei komme hja oerien mei de Romeinen. Gjin folk wier yhskikliker tsjinoer it biwald, dat krekt en rjuchtfeardich de Wet ütherde, mar ek gjin folk wier lestiger tsjinoer hearen, dy't hjar wil sette woene yn pleats fen 'e Wet. Under 'e Republyk hiene hja ien heech Rjucht, it Hóf, sünder appèl, dat alle kriminéle saken oan 'e macht fen 'e grytmannen üntnaem en dat by de minste misset edelman en biddelman foar 'e baelje dage. As it Hóf op in Freed to Ljouwert e kseküsje hie, stie heal Fryslan, ryk en earm, boer en boarger, om it skafot. En as de misdiediger ünder it giseljen it ütskreaude fen 'e pine en in stikmannich frouljue it to kwea krigen den seine de hirde Friezen: „Skamje jimme hwet, it is rjucht." De earbied for it formele rjucht siet de IT HOF FEN FRYSLAN alde Friezen Titelprint üt Johannes a Sande Decisiones Frisicae. yn mirch en bonken. Yn it testemint fen Syds Tjaerda, de machtige edelman üt Keizer Kareis tiden, dy't yn 1532 troch de Steaten fen FryslSn oanwiisd wier om for de folksfrijheden op to kommen, lést men: „As ien fen myn soannen nei myn dea it rjucht skeint, dy scil Ünterve wirde." ■ Sa'n lan, it koe net oars, moast folie juristen leverje. Fryslan kin op 'e knapste rjuchters en abbekaten mei eare wize. Nimmen hat dat better yn it ljocht steld as de Frentsjeter heechlearer Gabinus de Wal yn syn Oratio de claris Frisiae Jureconsultis, Leov. 1825, dy't in skatkeamer is for de Fryske rjuchtskiednis. En ünder dy mannen fen it rjucht yn 'e 15 en 16e ieu nimt hear Hidde syn learling Reyner Bogerman in eareplak yn. „Praeclarus Jureconsultus" neamt Prof. de Wal him. Ek fortsjinnet er in earekrans for syn taelbimoeijing. Hy wier de man, dy't syn wittenskip yn tsjinst sette fen it Frysk; dy't leaude oan 'e takomst fen syn memmetael; dy't de forbining oandoarst fen dy tael mei it klassike en it hillige. Ho Frysksinnich hy yn it ynlikst fen syn wêzen wier, kin blike üt syn rymke: Myn moer hat mij Frysk leerd, Dat tour ick spracke onforfeerd; Den rjuchte lauwe leert vs di paus, Deerom syds ick goed: Gloria, laus. Hjir sprekt de stanfries. Ek de rjuchtsinnige katholyk. Ek de ljeafhabber fen it klassike, dy't heech weirint mei de tael fen Rome. Fen him is ek de gouden profesije, dy't sprekt fen syn sterk leauwe yn 'e takomst fen it Frysk: Frisionicum ideoma durabit per omnia secula seculorum. Amen; d. i. De Fryske tael scil dürje oant yn alle ivichheit. Dat leauwe wier in frucht fen formidden en oanliz. Syn mem Doed Rynthiama üt Eanjum, soarge det de memmetael mei de brijleppel yn hjar boike kaem. Syn heit, Jacob Bogerman, in Dokkumer, dêr't in bytsje fen bikend is, liet him al gau mear leare as sljuchtwei. De Muzen fen 'e frije kinsten hiene wjukkele om it bernewidzke. Al daelk siet de smaek for muzyk yn him. Pastoar Hidde fen Cammingha to Dokkum wier de man, dy't it jonkje yn dy eale kinst Ünderrjuchte en hy scil ek wol sines der ta dien hawwe om de lytse Reynder ljeafde yn to printsjen for it Fryske heitelan. De ljeafde for 'e muzyk is Reynder bybleaun. Do't er pl.m. 1498 de bineaming krige as siktaris en pensonaris fen Kampen, waerd er dêr al gau bineamd ta organist fen 'e tsjerke. Ho'n baes er wier op it ynstremint, kin men hjirüt opmëitsje, det er yn 1509 to Utert it nije oargel fen 'e Jacobitsjerke op forsiik fen 'e biwaldsljue karde. Hy hie do de stüdzje yn 'e rjuchten al efter 'e rêch en de titel Juris utriusque doctor helle. Op 'e hegeskoalle hied er him ek ütlein op 'e medisinen en de skiedpinne wier him tabitroud. Nei alle kanten sloech er de wjukken üt. To Kampen wirke er oan in stedskronyk, dichte er Latynske fersen en bihertige er de stedsbilangen op 'e Hanzedagen to Munster en Lubeck (1507). Dat hat syn learmaster allegearre noch bilibbe. Men hoecht it Register fen oanbring mar op to slaen by blêdside 128, 154 en 168, en den kin men léze, det hear Hidde yn Dokkum in eigen hüs hie en lanhearre wier fen boerepleatsen to Eanjum en Raerd. Dat wier yn 1511. Yn 1518 naem Bogerman de post waer fen abbekaet oan it Hóf fen Hollan yn 'e Haech, dêr't er u. o. yn 'e kinde kaem mei Viglius fen Aytta. Fen 1531—pl.m. 1540 wier er siktaris en syndikus to Grins. Yn dat ampt stjürde keizer Karei him as öfgesant nei Luneburch. Op syn reizen forgeat er it Fryske heitelan net. Hy fandele Fryske eigennammen gear en pinhske oeral nei hwet fen syn gading wier. Sa teikenet er oan, det er yn July 1537 to Winskoaten kaem en dêr oernachte yn in herberch, dêr't de kastlein Bolo en de kastleinske Ogg hjitte. It léste stik fen syn publike tsjinst hat er trochmakke to Kampen fen 27 Dec. 1540 oant 1 Juli 1553. Do krige de aldman dien, om't er boargemaster Joachim van Ingen op syn forsiik inkelde kopyen üt it „gulden boek" fen 'e stêd taskikt hie. Ut earmoede moast er hüs en hiem forkeapje en by de bern yn. Hy hat noch west yn Amersfoart en Aken en den swijt de skiednis. Hy is forstoarn nei 1556, mar hwerre wit men net. Bogerman warde him op alderlei gebiet, bygelyks fen de tiid— rekkenkinde. Hy skreau in ivichdürjend almenak, tytleseare Natuurlycke ende Politique Prognosticatie, dy't hast in ieu nei syn dea printe waerd (1629). Ek samle er yn 1541—42 de stedsrjuchten, statuten en privileezjes fen Kampen yn in Repertorium. Under de stikken foun er it saneamde privüeezje fen Karei de Greate, dat alle Friezen frij forklearre. Dizze fynst brocht him yn 1542 ta nij ündersiik en ta it skriuwen fen in wirk yn trije dielen, dat er de titel joech: Eulogium seu testimonium irrefragibile de origine Frisiorum et nominibus eorundem collectum, mei in taheakke oer de Adagia Frisonica. Dit wirk hat er yn 1551 ütwreide en forbettere. Beide hanskriften hearre ta de neilitten manuskripten fen Viglius fen Aytta, dy't hjar bifine yn 'e universiteitsbibliotheek to Göttingen. It binne autografa, d.w.s. troch Bogerman eigenhannich skreaun. Diel I bifettet in opstel oer 'e oarsprong fen 'e Friezen. It bringt net folie nijs. Bogerman siket to biwizen, det it Fryske folk bisibbe wier oan Griken, Romeinen en Trojanen, net oan 'e Joaden. Hy fiteret de Friezen oan om altiten it sizzen fen Virgihus (Aeneïs I, 207) yn eare to halden: Durate et vosmet rebus servate secundus, d.i. „Biwarje en hoedzje jimmesels ek yn foarspoed". en dêrop folgje dizze Fryske dichtrigels: Harckie haat Doctor Regnerus hjir wool sdiryuwe. Ey Ele Frese, by Keyser Karols wird wolle bliuwe, Soe lang als ien freésche namme op eerde schal durie; So jou Goad, dat y en syn schyrm moate glurje. Haude jo deer wool fast oen, soe mey jo naet schille. Ick sydst jo forweer, en wol het naet mey verhile. Dy fyfte es Karolus, kenigte, keyser eh hertog van Bourgonien, Is jetta waldiger, dan Alexander van Macedonien. Ta einbislüt hellet er wer de spreuk fen Virgilus oan en foeget dêr oan ta it Fryske sprekwird: Da bideune strucke schilme naet uthlucke. Nou folget it oarde diel, dat hannelet oer 'e nammen fen 'e Friezen. Hy jowt sa'n 750 nammen, mar dêr is frijhwet öffal by en al syn skreppen is se öf to lieden fen 'e Grykske en Latynske nammen, bygelyks Achle fen Achilles, Appe fen Appius, Enne fen Enneus, Gabe fen Gabius, Jan fen Jovianus, Wigle fen Vigilantius. Hy bislüt de samling mei dizze hertlike oanspraek: Forbliidzje jimme, tige biminde Friezen, det jimme nammen yn dit boek tobekbrocht binne ta it oarspronkelik type. Mar né, forbliidzje jimme ljeaver, as jimme nammen opskreaun binne yn 'e himel I Luk. X. Prefester Wassenbergh to Frjentsjer hat dit diel ütjown yn syn Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval, Frjentsjer 1806, blz. 165—190. Op 'e eigennammen folget it trêdde diel de Loquela Frisionica, d.i. oer 'e sprake fen 'e Friezen, dat yn 1897 ütjown is troch Dr. Tj. J. de Boer yn De Vrije Fries, XX bl. 206—279. De ynhald bistiet üt 112 Fryske rymspreuken fen hanskrift A en 339 fen hanskrift B. Yn B steane mar 37 üt 'e earste samling en den noch meast wizige. Hy fordielt de spreuken yn geastlike (1—89) en wraldlike (90—339). De earsten hannelje oer it Kerstenleauwe, lyk as it yn syn dagen troch de Katholyke tsjerke leard waerd. Hja bringe to praet: himel en hel, de hilligen en de Godsfaem, de siele en de ünstjerlikens, de opstanning en de deugden. Bogerman moast neat hawwe fen 'e Reformaesje; Hy wier in rjuchtsinnich, warber soan fen 'e Roomske Tsjerke. Yn in traktaetsje, dat er yn 1521 skreau, forlike er de died fen Luther by it dryste weachstik fen Phaëton, dy't de sinnehynsders menne woe, mar mei it hiele reau op 'e rin rekke en troch Jupiter yn 'e öfgroun blikseme waerd. De prester is him de ünmisbre midsman twisken God en minske: Gods prester syonckt uth Goads mule; Deerom schel nemmen mei him tule. Ut des presters mulle benedyt Aessche God syn loff altyt. Goads clirck Daa Goads wirck. De hilligen binne de greate foarbidders by God en bislane in foarnaem plak yn it kerstenleauwe. Hwa Goads halghen hate Dam kompt nen gued to bate. As dit quaede naet bat mey, So bioter Goads halgen ghondei. Bodders yn 'e Fryske Striid 9 Haat Goads halghen bidde forkarn, Det is by Goad naet forlarn. Wotte riocht perterie Goads halghen moatme erie. As hirt ende mulle wr een racke, Goads halghen schille foor ws spracke. As blixem, tongher, wyn, watter, al teug mey, So folghie Goads tyenst syn halghen ney. Boppe alle hilligen stiet Marije: Maria int wrste hymelske choer Is nu boppe aller halghen moer. O Maria, boppe alle Konynginne, Blyusto die riuchte Goads moer allinne; Deerom roept myn hert, hyn mulle to dy; Bid Jesum dyn soen, myn Goad foer my. Mar boppe de hilligen stiet God: Een wrste God ha al ring macke, Dat moghe nen goaden noch mynsschen forsacke. Een Goad is wzer Christen traest Een Feer, in Soen, een halghe Ghaest. Dy Soen is lyken dy Feer, Deerom heert hem Goads eer. Vth Feer en Soen komt di halghe Gheest, Hy is aller mynschen Goads treest. Wichtige stikken fen it kerstenleauwe binne hjir de fjouwer utersten: dea, oardiel, hel en himel: Een doed mynsche kan perterie, Hoe harre de gheasten in de hal regerie. Dio sounige ceel moat pynne lye; De daed kaan har deer fen naet vrye. Waa hem nen soune schamme, Di tyrgh ney dan halssche flamme. Ite meyme hyr sicker bisiaen, Dat dio forrysnise schil ymmer schiaen. Is dio ceel fen soune naet cleer, So moat dat fachghe fioer deer vrgheer. Nei lang lyen Kompt great forblyen. Fjirder binne de rymspreuken lessen fen in tige algemien karakter, noch bipaeld Frysk noch Kristlik. Hja doele net op spesiael Fryske tastannen, mar passé yn elts lan en yn eltse tiid, b.g.: Haeghe wirden Bracke nen swirden. Ney wallust swiet Komt faack fordriet. Wirdsto grys Wird aeck wys. Di oneele Kaan nen quet pele. Al wrteïiheit mey me naet sydze Men kaan wysheit mey swyen bilydze. Tiennesto tgyld ende tgyld dy naet, Do bist blyn, al weersto ite so great. Tween stalle: di wart ryck, Di our wirt hanghe; is dat nu lyck? Cruyd ende doctuers hoed, Dat mettye fan seecken soun lyoed. Dizze rymspreuken binne gjin boartlike uteringen fen 'e folkssiele, mar kinstfoartbringsels. It is in bipaelde foarm fen literatuer, steande büten it deistige petear. Bütendet is it meast fortaeld wirk. Oan 'e Klassiken is frijhwet üntliend. De epistulae en satyren fen Horatius, Virgilius' Aeneis, Ovidius' Metamorphoses, de skriften fen Juvenalis, Silvius Italicus, en Lucanus hawwe hjar tsjinsten for dizze samling dien. Ek wol it üs nou en den foarkomme, as binne der rymkes fen heilingen ef berneprinten mank rekke. Bygelyks: Mei wyn, flaasch, brat en seen Word Auche fan sin soen bigheen. Trytich bigglen mey harre moer Wysden Enne dat roemsche choer. Eneas koam ind' halle mulle Deer Palinurus syns schippers ceel schutte. Hyr meyme scheen bewyze Dat daede mynsschen schille forryze. By den kraecklynck mei me synen Hat dy kinstige baker kaan dwaen. Dizze rymkes easkje hast wol in printsje. De skriuwer hat mei dizze rymspreuken hielendal net bidoeld hwet moais yn it Frysk to sizzen ef om it folts sprekke to litten. Syn doel is in lofrede to halden op syn folts, dat er ynlik ljeavet. Dat folts moat syn oarsprong en namme wirdich wêze en dêrom moat it sprekke lyk as de dichters en wizen fen de antike kultuer. Hat er dêrmei it Frysk gewelt oandien? Wy leauwe fen net. It is de skriuwtrant en libbenssköging fen 'e Renaissance. Bogerman is hjir de humanistyske gelearde, dy't de hynsders fen Rome en Athene spant foar 'e wein fen it Katholike Kerstendom en dy't ek de Fryske tael dêryn bihellet. Dat is syn fortsjinste. Hy seach it Frysk, dat ieuwenlang in weardich plak ynnommen hie, öftakjen. Nou bisocht hy dy skat fen syn folts to hanthavenjen en to forheegjen troch de forbining mei de klassike biskaving. En dat hat er dien op in trêftige manear, hwent yn it kinstfrysk fen syn rymspreuken binne in bytsje ünfryske wirden. Det er foei op 'e spreukpoezije leit foar 'e han. Yn allé tiden en by alle foltsen sjucht men in nuvere foarljeafde for dizze utering fen 'e minsklike geast. Oeral waerden dy miene ütspraken ta opfieding gearbsocht en ta in krans frissele. Oeralde en nije karlêzings riigje hjar oan elkoar as in trochrinnende skiednis fen minskene wysheid. Ta dy nijeren hearden de Proverbia Germanica fen Heinrich Bebel (1508), Erasmus' Adagia (1515), Johannes' Agricola's Deutsche Sprichwörter (1529) en Sebastian s Frank's Sprichwörter, 1541. Binammen de léste skriuwer, Sebastian Franck, hie yn Fryslan in bulte frjeonen. Dat wier sa sterk, det syn wirk Chronica, dat yn 1531 forskynde to Straetsboarch, yn 1549 for it Fryske folts biwirke en to Boalsert printe waerd. Syn Wereltspiegel waerd yn 1649 ütjown troch Samuel fen Haring- houck, ek yn 'e Gysbert-stêd. Sprekwird en rymspreuk wierne by de dragers fen 'e kultuer dotiids moade. En alles jowt bliken, Reyner Bogerman wier bern fen syn tiid, frjeon fen 'e klassike biska- ving, soan fen it humanisme. Freget men, hwerom er syn wirk net printsje liet, lyk as syn frjeon Everardus Nicolaï, presindint fen it Fryske Höf him oanrette, den leit it andert miskien yn syn dizige libbensjoun, do't er fen 'e earestoel öfrekke en earm en forgettensynaide dei slite moast. It leit my sa by det syn goekinde Viglius fen Aytta him jildelik stipe hat en det sa de hênskriften yn it bisit fen TITELPRINT FEN E WERELTSPIEGEL troch Sebastiaen Franck. Ütjefte fen S. v. Haringhouck to Boalsert syn woldwaender rekke binne. Mocht yetris ljocht opaean oer 'e forhalding fen dizze twa fortsjinstlike Fryske rjuchtslearden! Sjuch: Blok, De Friezenkerk te Rome yn de Vrije Fries, 1906; H. Reimers, San Michele, Die Friesenkirche in Rome, De Vrije Fries, 1913, 73—78; W. Suringar, Heinrich Bebels, Proverbia GermanifT. J. de Boer, Reyner Bogermans Friesche Rymspreuken, De Vr. Fr. 1897; E. Wassenbergh, Taalk. Bijdr. tot den Fr. tongval, II, 1806, 165—190 WIGLE FEN AYTTA MEN hat sa'n stikmannich skiedwirden, dy't miengüd fen ós folts wirden binne. Dêr hat men to'n earsten it rym üt 'e Wikingtiid: Wachtsje jim fen dy Noardera oard, Ut dy grima herne komt alle kwea foart. Dêr is dy ütdaging fen 25 September 1345, „üs Fryske Ljeaf Frowa dei," oantinken fen 'e Starumer Südflnne, dêr't greve Wilhelmus fen Hollan mei syn hünderten yn it sên biet: Ien tsjin tsjien Fynt de Fries nin bien. Dêr is it skibboleth üt de Sassentiid, do't de Swarte Heap üs lan plat roun mei moard en bran, en de Friezen hjar iennigen, en deabruiden dy't net sizze koe mei Fryske tonge: Rea hird riet rycee ljirre. En dêr binne dy beide oare sechjes fen Greate Pier, dy alle seilen blank boarte en de foetten spielde fen hwa net sizze koe: Op uwz Heitha Fenna horne lizze fjowir lottre schienne ljipaeijen. Der in nin klirek sa krol az reahierrige Clearkampster klirek. Dêr is ek dat symbolum fen Viglius: Vita mortalium est viglia. (It libben fen 'e stjerlingen is in nachtweits). Wigle fen Aytta is ien fen üs greate mannen. Hy stiet yn 'e rige nést syn lansljue Agricola, Adolfus Occo, höfdokter fen keizer Sigismund, Reiner Gemma Frisius, de wiskinstner en Joachim Hopper, de rjuchtslearde. Ubbo Emmius skriuwt fen him: „Ik scil syn lof net ütmiette, it giet myn fornimstigens to boppe." Dêr is in skilderij „Karei V docht öfstan fen 'e troan." Hwa binne de haedpersoanen nést de keizer en Philips? It binne Willemfaer en in majesteitlike griiskop yn teade mantel, de kanselier fen it Gouden Flues, presindint Viglius, dy draecht op in kjêssen kroan en skepter, oergeande fen heit op soan. ADOLPHUS OCCO It is hjir net myn doel syn lange rinbaen as steatsman to biskriuwen, mar syn ljeafde for it Fryske heitelan, dy't him einleas djip yn it herte siet. De Aytta's wierne in ald haedlingteam üt Wergea, Wirdum, Swichum, Roardahusum, Barhüs en omkriten, dy't op hjar staten en saten it wol stouwe koene. Wigle kaem to wrald op Barhüs to bihanncljcn. Dat wier fen dizze gefolgen, det er him yn forbining stelde mei ünderskate bioefeners fen Fryslans forline, lyk TTTELBLED FEN DE VIGLIUSBRIEVEN as Wilco fen Holdinga to Emden, Andrys Gryph, grytman fen Utingeradiel (1550—74) en Sibrandus Leo, pastoar fen Menaem (1557), dy de kleasterkroniken skreau fen Lidlum en Marijengaerd. De ütkomst lykwols hat leard, det Suffridus him tofolle hede liet hie, kamen ek oaren yn it spier, bygelyks de Italiaen Michaëlis Tramezini, dy yn 1558 to Venetië de kaert Ten 1554 op lytser skeal yn it koper gravearre. Den is dêr de kaert fen Leo Sibrandus, opdroegen oan Idzardus Nicolaüs, mei ryk forskaet fen Fryske nammen (pl.m. 1560), en dy fen Sibrandus Leo (1579), hokker kaert in plak krige yn Ortelius' Theatrum Orbis Terrarum. En jimmerwei arbeide fen Deventer troch, en by de dei lans bleau Viglius op 'e hichte. Do't de kaerten by it einsluten gefaer rounen yn Geuzehannen to forsilen, en fen Deventer yn 1574 to Keulen forstoar, wier it presindint Viglius wer dy soarge, det it stêdsbiwald dêrre de kostbre dokuminten yn syn hoede naêm en nei Madrid stjürde. Hy wier ek de man, dy't de Fryske rymspreuken fen Reyner Bogerman for 'e neiteam biwarre hat. De selsume manuskripten hearre ta syn skriftlike neilittenskip yn Göttingen. Dêr kin men ek yn fine dat opmerklike Fryske spotrymke, dat yn Fivelgoa songen waerd (14e ieu): Di goede sinte Donnatus Al uth fan Leremens, Di friat sinte Wolburch In da saassche Oryns; Hi baed har waex, Hi baed har flaex, Hi baed har paenyen. Nae, qua sinte Wolburch, Ick wol naet maenye. en dizze Fryske leys, in lofsang op Sint Steffen: Dy hollige Sinte Steffen, Dy mylde Godes Druyt; Jerusalem to da Porte So gong m' him stieten uyt. Men worp him mit yen flintstien, Het flaasch al fen syn bien, Dir omme komt Sint Steffen dey, Cristmoarn nu al zoo ney, Kiriqleys. Der scoe oan dizze skets hwet mankearje, as hja net hinnewiizge nei ien fen Viglius bloedfrjeonen, hwaens namme alle gedurigen yn syn brieven foarkomt, n.1. Agge fen Albada, ek in like er mei inoar. Hy wier nammentlik fen doel de Evangeeljen en Brieven to foarsjên fen oanteikenings. Syn ynlikste winsk wier yetris op in Frysk doarpke it Evangeelje forkindigje to meijen (1 Dec. 1581). Mei noch greater langstme seach er üt nei de werkomst fen Christus. Net allinnich de Skrift mar ek de stjerren oan 'e himel en de Novimberkomeet fen 1580 tsjutten him oan, det de tiid fen it hearlik ryk fen Christus op kommen Wier. Mar earst moasten noch swiere tiden oanbrekke. It alderbêste wier noch, yn 'e Heare to Ontsliepen ef de ried to folgjen fen 'e profeet Jesaja: „Kom myn folk, gean yn 'e binnenkeamer en slüt de doar efter dy ta, forbergje dy in hoartsje, oant de grime fen God foarby is." De Iepenbiering fen Johannes wier him in libben boek. Hy hearde dêr de bazunen klinken, dy't Gods bern treastgen en de wraldlingen kjel makken. Hy koe him allikemin forienje mei Luther as mei Kalvyn. De lear fen Beza, Kalvyns learling, dy't in boek skreau oer it Ketterdeijen, wier him de mem fen alle tsjinrampen. Caspar Schwenckfeld en Valentinus Crotoaldus, twa Dütske mystiken, wierne him godsmannen fen it nije ljocht. Hy seach yn hjarren de beide olivebeammen, dêr't sprake fen is yn Iepenbieringen XI, en kaem der iepentlik foar üt. Dat foreaske moed, hwent de skriften fen Schwenckfeld waerden forbean en forbaernd. Dizze skriuwer moast as in banling fen stêd ta stêd swalkje en yn geheime gearkomsten mei syn geastessibben forgearje. Hy fortsjinwirdige it mystike prinsyp yn 'e Reformaesje en wier in fülbandich bistrider fen it tsjerkendom en fen 'e uterlike godstsjinst. Oeral bipleite er de stelling: It wiere leauwe wirdt oan 'e minske jown sünder middels, it is in meidieling fen Gods wêzen oan 'e minske, in dripke fen 'e himelske genedewelle, in glimke fen 'e ivige sinne, in sprank fen it hillich fjür. Dy tinkbylden fen Schwenckfeld wierne alhiel Albada sines. Hy fltere syn geastessibbe frjeon Dominicus fen Burmania oan om dryster üt to kommen for syn bigjinsel en kleur to bikennen for Schwenckfeld, „de greate godsgesant." Oan 'e Fryske learaers fen 'e Griffemearde tsjerke skreau er 31 Augustus 1584: „Der binne twa tsjügen, dy't boppe dizze tiid ütblinke, Schwenckfeld en Crotoaldus, mar hja binne by de wrald oer en tofolle. Om jimme mei de lear bikend to meitsjen, dy't by Eigenlik hied er al to lang libbe. De léste tweintich jier stiene yn skrille tsjinspraek mei de fyftich earste, al bleau ek de glans en weardichheid. For mannen as hy wier der gjin romte yn 'e Nederlanske opstan. Hy bleau altiten de humanist, dy't him net thüs helde yn de hirde tiid. Do't keizer Karei ófstan fen 'e troan die, wier it lok fen syn libben foarby. Do scoe er ljeafst it byltsje der by dellein hawwe. Dat wier de flok fen de wraldforneamdens, dy't him al omstriele op syn 25e libbensjier. En ho keninklik hy AYTTAHUS YN SWICHUM ek helde, it rjuchte hert for Philips en Granveile hjar polityk koed er net hawwe. Do't ünder Oranje syn lieding de opposysje hjar üntjoech, eange it him. Hy wier konserfatyf, en do èn it regear èn de opposysje de revolüsjonaire kant opgienè, seach er gjin kans de stoarm to bilêzen. De Fryske leardens en eigenheden hat er alle eare oanbrocht. To Swichum stifte er op it pastoarslan yn 'e Lytse Bürren yn 1573 it „Hospitale Ayttae" for saun alde, earme minsken, dy't er in sinnige libbensjoun bisoargje woe. Daegliks moasten hja nei tsjerke gean, hjar gebet dwaen en op de heechtiden it hillich sa- krament waernimme. Oan tafel moasten hja op syn minst in Pater noster en in Ave Marije léze. Foar en alear hja op bêd giene, moasten hja gearkomme om God to priizjen. Den moast ien fen hjarren sizze: „Ynljeave Heare, Almachtige God, Skepper fen himel en ierde, Jo scille priizge, forhearlike en benedijd wêze for alle goed, dat Jo üs biwezen en tastien hawwe, wy freegje Jo, üntfermje Jo oer üs en meitsje üs frij fen alle sünden." De oaren scoene derop antwirdzje: „Amen!" In oar moast dêrop sizze: „Lit üs bidde for üs genedichste hear fen Fryslan, for syn riedsljue, for de earwirdige hear Wigle fen Swichum, üs stifter, for syn alders en frjeonen, for de faden en bysitters, dy dit gasthüs nei de stifting biwarje en for al üs oare woldwaners yn it forline en noutiids en for alle sielen, dy't op ierde forstoarn binne, det de Heare God hjarren genedich sij en det eltsenien fen uzes for hjarren in Pater noster en in Ave Marije opsizze." De skoalmaster krige jierliks sa'n 25 goudgounen en dy moast dêrfor mei syn learlingen koarsjonge en de psalm léze fen it De profundis (Ps. 130). De praebendarius krige ek wer in stik jild om op Viglius syn jierdei it Requiem to sjongen, en sa brocht er alles yn kalk en semint mei wündere earbiedenis, it is oandwaenlik om it nei to lézen yn de Analekta I 278—286. En it is in skande, det it neiteam dit skoandere monumint fen in great heitelanner forsuterje en forfalle litten hat „as in toroppe fügel, dy't men syn tsjeppe slachfearren wreed Üntfytmanne." Op it einsluten is it godshüs yn 1912 öfbritsen. De moarmeren grêftombe fen de mylde jower yn 'e Sint Bavotsjerke to Gent is noch yn wêzen. Dêr mocht dit ynskrift op beitele wirde: Wigle fen Aytta hat it Fryske heitelan ynlik ljeave en weardich tsjinne. Hopen Friezen forsmieten dodestiids üt pronkskehs hjar echte foarfaderlike nammen. Hja foroaren Bokke yn Bocatius, Minne yn Menelaüs, Sipke yn Scipio, Oene yn Onias, Gabe yn Gabinus, Lieuwe yn Leo. Nou hie ien fen Aytta migen, dy't him Seerp skreau, dér Serapio fen makke. Dat koe de presindint net oer him hinnegean litte. Hy naem de pinne en skreau: „Ik hie my ynpleats fen Wigle ek wol Virgilius neame kinnen, as ik myn eigen Fryske namme net ljeaver hie." Is dat gjin wird ek for de forbastere Friezen fen hjoed en moarn? Sjuch- C Star Numan, Over de verdiensten van Vigl. van A. (1825); A. Wouters, Mémoires de Viglius et d' Hopperus, 1859; A. v. Druffel, Des Viglius van Zwichem Tagebuch des Schmalkaldischen Donaukriegs, 1877; A. Gabbema Epistolae ad Viglium, 1661; v. Heussen, Batavia Sacra; H. v. Papendrech't Analecta Belgica, 1743; Kervyn de Lettenhove, Bulletin de la Commission d' hist. de 1' Acad. IV S. I, 71—76; Bussemaker, Verslag van een onderzoek naar Archivalia, 1905; Gachard, Correspondance de Philippe II; Gr. v. Prinsterer, Archives de la maison d' Orange-Nassau; J. J. Dodt; V v. A. en Suffridus Petri yn Algem. Letterk. Maandschr. 1847; M. Bloembergen, V. v. A. tegenover den hertog van Alva, yn N. Fr. Volksalm. 1864; I Dirks De Graftombe van Aytta in de St. Bavo te Gent; S. de Zee, Swic'hum yn Sljucht en Sljucht 1901, 1905; H. Wigersma, Iets over W. v. Aytta, zijn muntverzameling enz 1905,-in voce Nieuw Biogr. Woordenb. II; J. T. Bodel Nijenhuis en W. Eekhoff, De algemeene kaarten v. d. prov. Friesland, 1846; J. G. Ottema, Over het leven van Suffr. Petrus yn Vrije Fries II, 426; J Keuning, Kartografie van Friesland tot 1600 yn Tijdschr. v. K. Ned. Aardr. Gén. Serie II, XXXI, 1914; deselde, De kartografie van Friesland in de 16e eeuw yn Handel, v. h. 14e Nederl. Natuur- en Geneesk. congres, 1913; J. v. Raemsdonck, Gerard Mercator, sa vie et ses oeuvres, 1867; M. Cantor, Vorlesungen fiber Geschifchte der Mathematik, 1892; W. Eekhoff, Jacobus v. Deventer, yn Handel en Meded. v. d. Maatsch. v. N. Letterk. 1879; R. Fruin, Inleiding op Nederl. steden in de 16e eeuw, plattegronden door J. v. Deventer, 1916—23; Suffr. Petr. yn Bolhuis v. Zeeburgh, Kritiek der Fr. Geschiedschr.; Gemma Frisius, in voce N. Biogr. W. VI; Allgemeine Deutsche Biographie, in voce Viglius, Gemma, Suffr. Petrus ensfh; de Haan Hettema, A. van Albada, yn Vrije Fries, w 313; C. Sepp, A. v. Albada, Drie Evangeliedienaren, bl. 123; M. Lossen, A. v. Albada und der Kölner Pacif. yn Hist. Taschenb. 1876, 275. KAREL ROORDA IN oare dei, in nije dage ljochte oer Fryslan. Hwer't hja weikaem, fen 'e hichte, üt 'e djipte, hwa scil it sizze? Ho hjar to neamen: opstanning, werberte, Reformaesje ? It is allikefolle, mar ien namme moat net yn it forjit: GENEVE! En Genève is Kalvijn, de man hird en heech as in snietop, dêr't gjin roazen op bloeije, mar dy yn it skynsel fen 'e ivichheid oer ieuwen hinnestrielet. Hwet mei it west ha, det de Friezen hjar tsjerke, hjar akadeemje, hjar regear, hjar politike en steatkindige bilidenisse, hjar libbenstaek nei dy tinker fen Genève rjuchten? Minne Simens, Luther, Zwingli, Bullinger hawwe de djippere lagen fen üs folts net rekke. Mar it Kalvinisme krige yn 'e earste opslach in kans. Geastlik troch de majesteit fen it hege tinkbyld fen de eare Gods. De eare stiet by de Fries boppeoan. Dy moat foar alles rédden wirde. Eare hwaem eare takomt. Dat easket it rjucht, de persoanlikheid. En dy tins waerd oerbrocht op it Ivich Wêzen, dat hjir op ierde syn ütkarden hat. Hja hawwe Gods eare üt to dragen. Hjar hiele libben moat bianderje oan dat hege doel. It is hjar ropping de hillige saek fen God triomfearje to litten. It is plicht to leauwen oan dy ütforkiezing ta dit eindoel. Fen dat bigjinsel wier Kalvijn de iisbrekker. En sa waerd Genève in „Hierapolis," in hillige stêd, foarme en opfied ta in nij Godsfolts troch izeren ordinansjes, dy't inkel hjar weargea hawwe by Spartanen en Hebréën. Mar dit ideael moast ünfeilber liede ta iepenlike opstan as it regear yn 'e opposysje wier. Tyrannije fortsjinne Gods wrake. Midstwa de keadings fen de twingboal! Op ta de hillige kriich, al stie men ien tsjin tsjien! De oerwinning leit net yn it sifer, mar yn it leauwe oan eigen ütforkiezing. Sjuch, dat woe der wol yn by in frijheidljeavjend folts as uzes. En nou wierne der trije dingen, dy't dat yn 'e hSn wirken: lo in folts, dat net forspaenske wirde woe troch in antinasjonale polityk; 2o in adel dy woedend wier, omdet men frjemdlingen boppe hjar de foarkar joech; 3o in formidden, dat iepen-finsters hie for nije idéën. Ut dat eachmerk moasten Fryslan en Genève inoar fine, moast de studearjende jongerein op dat ljocht öfkomme. De iene Fryske jonker nei de oare teach dêr op öf om oan 'e akadeemje fen Genève de lessen fen Beza to hearren. En de alden tochten : de learfeinten fen jister binne de masters fen hjoed. In jiermannich fen üntjowing en idealisme yn de ljochtstêd fen Kalvijn, dêr't men in strieljend oantinken fen biwarre, en sjedêr, de stoune fen noed en striid yn it hymjend heitelan sloech, en ré wier men om it politike ef theologyske kampfjild yn to gean. Dat wier it gefal mei de paedlieders fen üs folts yn 'e greate Reformaesje*Uld. Hjar bigjinsel, hjar doaren, hjar diedkrêft en organisaesjedrang tanken hja oan Genève en syn akadeemje. Sünder oerdriuwing kin men sizze, det lans dy wei Fryslan en de Fryske akadeemje sterke bolwirken fen Kalvinisme wirden binne. Ik lit hjir in lystke folgje fen inkele nammen, dy't oan Genève, oan 'e frijheidskriich en oan 'e opb'ou fen it nije Fryslan for altiten forboun bliuwe. De jiertallen efter 'e namme jowe it forbliuw yn Genève oan, herders wirdt de lettere posysje oanwiizge: Dr. Orck fen Doyem (1570), biselskippe letter de prins fen Oranje en Charlotte fen Bourbon by in bisiik oan Fryslan (15 April 1581), meioprjuchter fen 'e Frentsjeter akadeemje. Wytze Cammingha (1572), Frysk öfgesant yn Ingelan (1587), Steatelid 1593). Ubbo Emmius (1575), stoarjeskriuwer fen Great-Fryslan. Johannes Clant (1579), grytman fen Doniawerstal. Sibrandus Lubbertus (1580), pref ester yn Frjentsjer. Hendrik fen Bra (1580), medisinedokter yn Ljouwert en Dokkum. Lolle Epes Adama (1580), Filis. prefester yn Frentsjer. Alardus Auletius (1580), rector yn Dokkum, Med. pref. yn Frentsjer. Juw fen Eysinga (1584), kolonel by prins Maurits en Freark Hindrik. Aede fen Eysinga (1584), Steatelid fen Fryslan. Rudolphus Artopaeus (1593), dominy yn Frentsjer. Johannes Saeckma (1595), riedshear oan it Hóf fen Fryslin. Duco fen Botnia (1597), grytman fen Wymbritseradiel. Joh. Bogerman (1597), dominy yn Snits, Ljouwert, foarsitter fen 'e Dordtske Synode. Oellius Jongestal (1599), Riedshear oan it Hóf fen Fryslan. Douwe fen Aylva (1599), grytman fen W. Dongeradiel. Duco fen Jonghama (1600), grytman fen Hinnaerderadiel. Hessel Laas fen Vervou (1605), grytman fen Fre.ntsjeradiel. Dizze soannen fen it Fryske lan giene net it smelle kronkelpaed op fen de sekte, dy't de rêch takeart oan steatkinde, wittenskip en kinst, mar hja keazen de skomjende, brflzjende sé fen it greate kerstenlibben, dat in tsjerke, in akadeemje, in stamlibben, in folts opeasket for de eare fen God. Hja dreamden gjin chiliastyske dream en hildigen gjin kersten-kommunisme, mar bisochten in Fryske Republyk to plantsjen op 'e grounslaggen fen Gods GESICHT OP ALD ROARDAHUZUM Wird, en de Romanistyske tsjerke fen 'e middelieuwen to reformearjen ta in pylder fen gerjuchtigens en wierheid. Hja folgen ynsafier it spoar fen de greate baenbrekkers: Ruardus Acronius fen Koarnjum, de alde Bogerman fen Kollum, Sixtus Rippertus fen Frentsjer en Sibrandus Vomelius fen Pitersbierrum, dy't allegearre de „tsjerken finder it krüs" mei hjar beste krêften tsjinne hiene. Dit bringt üs op Karei Roorda, in man, hwaens namme in program is mei dizze ynhald: heger, frijer, greater Fryslan! in republikein fen it suverste wetter, dy in hoekstien wier fen it aldfryske steatsgebou. Mr. Jacobus Scheltema is yn syn Staatkundig Nederland (1806) fen bitinken, det hy in leat is fen de einierde Roordastaek üt Roordahuzum. Syn heit Popke Ruerds hearde yn 'e Saksetiid ta de Frysk-nasjonale partij fen Greate Pier en Jancko Douwama, mar dat moast er, do't de sinne fen Karei V opgie, mei ballingskip boete. Hy waerd troch stipe fen de Gelderske hertoch Karei drost fen Venlo en boaske mei Margrete fen Arnhem. Hjar twade soan wier Carel (berne pl.m. 1530). Oer dy syn berne- en jongïeintejierren hinget in dizenich twieljocht, mar dit stiet büten kiif, hy bisocht de Latynske skoalle fen Snits en hegeskoallen yn it ütlan, dêr't er de titel „magister philosophiae" helle en in foarstanner fen 'e Reformaesje waerd. Do moat er him deljown hawwe yn Idaerderadiel, bifongen fen in ynlike ljeafde for it affaerslan. Om 1560 hinne bigoun it him yn to baernen ta de striid for de Fryske frijdommen, dy't Philips fortrape. Fryslan hie yn Dr. Willem Lindanus in ynkwisysjeman krige, dy èn as biskoplik vikaris èn as bütengewoan riedshear yn it Hóf fen Fryslan alle rjucht forkrachte. Hy joech gjin spier om de alde priveleezjes en wizSnsjes, dêr't de Friezen sa op stiene, sadet it danich bigoun to spoekjen. De prêsters klagen stien en bien. It folts song op 'e strjitten spotlietkes op de twingboal. De marsekreammer Jacques d' Auchy, Hindrik Eeuwes en Claeske Gaeles ündergiene de marteldead (1559). Mar de kettermaster mocht raze en plakkaten ütskriuwe tsjin de nije leare, it holp neat. De Mis forroun, de tsjerken rekken leech, de evangeeljen waerden lézen yn heimlike gearkomsten, in iepenbiering wier de Belidenisse fen Guido de Bray, dy yn Fryslan forspraet waerd (1562). De presindint fen Fryslan, Dr. Hessel Aysma, de knappe biwirker fen Dr. Keimpe Martena's Lanboek, keas iepenlik de partij fen 'e opstan. En njunken him stie Roorda, like bigaefd, like steech. De Bloedrie loerde op him en laei him mear as ienris in leage, mar hy spile de wyk. Syn namme stiet ünder it bounskrift fen 'e 400 edelljue, dat Marnix opstelde en de lanfadesse oanbean waerd (1566). Foartoan waerd de namme „geus" him ta in earetitel. Alva bande him (1568), mar dat bisterke syn frijheidsljeafde. En de wrald wier greaternöch. Der foei ek yette in bulte to studearjen. Genève loek him as de magneet it izer. De 25e dei fen Wynmoanne 1570 waerd er ynskreaun yn it matrikel fen 'e hegeskoalle mei ünderteikening fen Genève's Katechismus, in bili- denisskrift fen Kalvijn, en dêtre waerd, ünder ynfloed fen Beza as mei in diamanten stift it byld fen de hillige godsstêd en republyk, op it founemint fen Sinaï's Wet him yn 'e siel gravearre. Ta folie üntjowing ripe for in greate taek kaem er wer yn Westergoa om daelk mei syn geastessibben oan 'e frijmeitsing fen it heitelan to arbeidzjen. Yn 1575 siet er yn Emden, de gastfrije herberch fen de ballingen, mei Doeke Martena, Epe Donia, Seerp Galema, Hessel Aysma en Baerd fen Idzaerda. Dizze stjürden him as öfgesant nei Rotterdam, dêr't dê prins fen Oranje tahaldde, om him kindskip to bringen oer de müklisten fen de Robles en de tastan fen it heitelan. Hy bisochtde prins oer to heljen ta in oanfal op in stikmannich Fryske plakken, hokker oanfal Barthold Enthens, de wettergeus, liede scoe. Op dit krêftich oanstean, krige hy fen de prins in ynstruksje for Diderik Sonoy, luitenant-gouverneur fen it Noarder-ketier en organisator fen de Wettergeuzen, dêr't er do de Fryske saken mei forspriek. Yn 1576 wier er adjunkt fen Oranjes admirael Doeke Martena to Hoarn, en sont Robles fen it toaniel fordwoun en George Lalain syn yntocht yn Ljouwert hdldde, waerden him de swierste opdrachten jown om de nije Griffemearde republyk yn it stjür to bringen. Us skiedskriuwer Winsemius neamt him yn syn Historiarum Rerum libri VII, Leov. 1646; bl. 306 en 307 „in ütblinker yn it Gentske pasiflkaesjewirk en in wolbispraekt man." Lalain laei him en de olderman Julius Botnia op om yn de stêd fen Frjentsjer it „keninklik" biwald om to setten ta in „Steatsbiwald." In heraut röp oerlüd de boargerij op om yn St. Martenstsjerke to forskinen for de nije kindskip. De magistratuer lykwols woe nearne fen witte. Do liet Roorda soldaten üt Ljouwert komme, hwet noch net holp. Do hat er yn it iepenbier in rede halden for de twariedige boargers, en it einlings safier witten to bringen, det in nij regear op it stêdhüs sitting naem (1577). Yn gouden letters mei Roorda syn namme stean yn 'e Frentsjerter reformaesje-stoarje nést dy fen Sixtus Rippertus, dy as learaer fen 'e stêd de feestpreek by de iepening fen de akadeemje hdldde (1585). En net inkel for Fryslan wier er rêstleas yn it spier, mar ek om utens. Men moat syn brieven oan 'e Dippetearde Steaten fen Fryslan mar léze, dy't yn it 4e diel fen it Placaat en Charterboek ófprinte steane, en men sjucht yn ien eachwink, hjir is in man oan it wird, dy't net regearre wirdt, mar regearret. Oan hokker gefaren stie er bleat by it Reformaesjewirk to Dimter (18 Jan. 1579). Ho iverich skrepte er mei Dr. Aysma en Doeke Martena for it tastankommen fen de Uny to Utert. Yn Febrewaris siet er mids religysaken yn Grins. Yn Maert wenne er to Ljouwert in Poalske landei by, dêr't Dr. Aysma in great epistel Ik scil net twisken Roorda en Nassau rjuchtsje. Nei myn bitinken hawwe hja elkoar foarbysketten. Hjar doelwyt wier twaderlei. Roorda herde Fryske, Nassau Nederlanske polityk. Roorda fordigene de tradysjes en frijheden fen it ieuwenalde Fryske stamlibben. Nassau koe inkel de foartsetting sjen fen de Bourgondyske ienheidssteat mei Hollan as lieder, en de Uny. Yn dy striid moast Roorda it forlieze. Hy moast it gelach bitelje, lyk as Oldenbarneveld yn de Remontstrantske heibel. Mar dêr binne hja net minder om. • Yn Slachtmoanne 1601 laei men it stoflik omskot fen de manmoedige strider yn it deafet en waerd it biïerdige yn 'e Jakobinertsjerke to Ljouwert. As in tsjügenis waerd op 'e greate stien beitele: ANNO 1601 DEN TIENDEN NOVEMBER, VERWACHTENDE DEN DACH DER VERRIJSINGE ENDE HET RECHTVEERDICH OORDEEL TOT DE TOEKOMST CHRISTI, IS IN DEN HEERE GERVST ENDE HIER BEGRAVEN CAREL VAN ROORDA; HEBBENDE VOOR DE VRIJHEIT DES VADERLANDS GEIJVERT DEN TIJT VAN NEGEN EN TW1NTICH CONTTNVALE JAREN, SOO TER VERGADERINGE DER HEEREN LANTRADEN, STATEN GENERAAL ALS RADEN VAN STATE DER VEREENIGDE NEDERLANDEN Hat Fryslan by syn lykstaesje djippe rouwe bidreaun? Hat de flagge healstöks hongen oan 'e mêst fen it Fryske admiraelskip yn 'e haven fen Harns? Wy witte it net. Mar dit is wis: de genius fen Fryslan koe rouje, hwent mei Karei Roorda rekke in frije, franke, geve, hirde stanfries fen it steatstoaniel, in man, dy't men haetsje moast ef biwünderje, dêr't men waerm for roun, itsij as tsjinstanner, itsij as frjeon. Oer syn halding is den ek it oardiel wakker üngelyk. Syn eigen geastessibben, folbloed Kalvinisten, lyk as Eduard fen Reyd, Frederik fen Vervov, Mr. Groen fen Prinsterer en Dr. Lützen Wagenaar hawwe him it partidichst bioardiele. Hja steane alhiel oan 'e kant fen Willem Lodewyk en de Hofpartij. Hja prate fen Roorda syn provinsialisme en partikularisme, fen syn üngedurigens en blastigens. Liuwe fen Aitzema yn syn skiedwirk, Saken van Staet en Oorlogh, 1669, dl. IV bl. 653, skriuwt birekkene: „Roorda hat meiholpen de wettige erfhear Philips II to fordwaen, dat is him slagge, mar hy hie gjin wissichheid, det it in oare keax wer slagje scoe, al wier it den ek tsjin in mindere. Sokke dingen litte hjar wol ienkear dwaen, mar net al wer oan. Men hie de religy ienris goed en wol reformearre yn it jier '66, mar do de Remonstranten neitiid de Katechismus, d. i. de Reformaesje wer reformearren, gie dat net. Roorda moast tocht hawwe, hwet giet de saek fen Hasselt my mear oan as oare meistanners. Dy holpen earst wakker mei, mar lieten him do rinne, en hy allinnich draeide der foar op, alhowol dat oan syn persoan en eare neat to koart docht. Hie it net better west mei stream en wyn to silen? Dy't it spil forliest, wirdt nammensto mear bispot as er Üngedildich wirdt. De kening fen Spanje wier in minske, greve Willem wier in minske. De ingels en de silligen wen je yn 'e himel. En God hat in wolbihagen oan 'e oerwinner." Dat is skerp sein, mar Aitzema wier in kald, bitüft diplomaet sünder hege idealen. Hy as Fries hat Roorda ek net bigrepen. Hy peilde net, det yn dizze stoere Kalvinist it lüd spriek fen in naesje, dy't wize koe op in great forline, mar yn 't leech rekke wier troch de ünginst fen it lot. Roorda hat syn dream hawn, syn fysioen. Hokker? Greve Willem Lodewyk spotte mei de „tsjien keningen." Vervov hat it oer in potestaet. Wy taeste hjir yn tsjuster, mar dit stiet fêst, by de dream, dy't foar Roorda's each riisde, bleau hy realist, seach er for Fryslan.de gefaren fen oligarchyen nepotisme, fen frjemdsin en amptnerij. Syn ultra-republikeinske polityk yn de foetprinten fen de greate Kalvijn, dy't alle tyrannije en gewelt oer Gods kreatuer forspuide, waerd bihearske troch it opperkeningskip fen it Ivich Wêzen. Dat hat mei provinsialisme en partikularisme neat to meitsjen. Dit rekket it allerdjipste bigjinsel fen de Fryske striid., Dizze steatsman, dy't de fjürdope fen 'e Geuzetiid ündergien hat, stekt mei syn Frysk-christlik-nasjonael bigjinsel heech üt boppe alle lyts provinsialistysk gedoch. Syn wirden en dieden klinke nei yn 'e gong fen it Fryske stoarje, en syn swiere stap triuwt bytiden it stof omhegens. Dat binne de Nassaus gewaer wirden. Ik tink oan de oproeren fen 1626 en 1634, dy't üt de küperijen en oligargyske misbrükmen fen de adel opwoechsen. Den binne it wer de Roorda's (Abraham en Karei), dy stride for it rjucht en easkje, det de stêdden foartoan hjar eigen regear bineame meije. Ja, as yn 1667 it „ivich edikt" sletten wirdt, komt yetris it skynsel fen Karei Roorda foar it ljocht. Den reizget Gaspar Fagel nei Ljouwert en hat mei Karei Roorda in ünderhald, dat twa üren dürret en tsjinje moat om de kerdate Fryske rejint for it edikt to winnen (20 Febr. 1668). Roorda andere him: Hollan'hat wol ris oars tocht as nou, mar de goede patriotten hjir yn Fryslan hawwe it jimmer gefaerlik achte as ien persoan mei to greate macht foarsjoen waerd. Dêrom hiene hja biswier de stéhalder rjue foarrjuchten ta to stean, dy't de oare provinsjes hjar stéhalders joegen. Mar men like oerginstich to wêzen op dy frijheid fen üs kerdate mannen, dy't hjar tsjin it hege oansjen fen 'e stéhalder kanten, allermeast Hollan yn 'e jierren 1580—90, do't myn ald-omke dêr sa'n lijen mei hawn hat, en yn 1637, do't Hollan üs twong it oanstellen fen 'e magistraten yn 'e stêdden de stéhalder to jaen. Nou't wy ienris in stéhalder mei syn bitsjinningen hawwe, kinne wy mei skik net tobek en him hwet öfnimme. Hie Fryslan gjin stéhalder, den scoe men it mei Hollan hjiryn wol lyk fine kinne. Brieven aan Johan de Wit, ed. Japikse, 1922, bl. 412. Roorda wier gjin Nassaukraeijer, mar woe allikemin oan 'e liedban fen Hollan rinne. Fryslan teikene it ivich edikt net en hat nea net in stéhalderleas tiidrek hawn. Op Willem Lodewyk (1584 — 1620) folge Ernst Casimir (1620—32), dêrop Hendrik Casimir I (1632—40). dêrop Willem Frederik (1640—64), dêrop Hendrik Casimir II (1664—90), en den Johan Willem Friso (1696—1711), Willem IV (1711-51), Willem V (1751-95). Roorda namme is noch net forstoarn, al is er fortsjustere troch de glans fen 'e Nassau's. Fryslan scil bliken jaen dy namme to kennen, sa faek as de foltsfrijheden oantaest wirde. Sjuch: H. de Vries de Heekelingen, Genève Pépinière du Calvinisme Hollandais, 1925; G. Groen v. Prinsterer, Archives, in voce; A. v. Schelven, Het Begin van het gewapend verzet tegen Spanje in de 16e eeuwsche Nederlanden, yn Handel. Maatsch. v. N. Lett. 1915; A. J. Andreae, Het Verzet der Friezen tegen de Spaapsche dwinglandij, yn Vrije Fries XVI, 389—479; J Reitsma Historische toelichting tot de kerkel. omwenteling in Friesland, yn Oostergo, Register van Geestel. Opkomsten, 1888, 217—269; deselde, Honderd jaren uit de Geschiedenis der Hervorming en der Herv. kerk in Friesl. 1876; L. H. Wagenaar, Het Leven van Graaf Willern Lodewijk 181— 281; Slothouwer, Oligarchische misbruiken in het Friesche Staatsbestuur, yn Nijhoffs Bijdragen 3e R. I, 67; Winsemius, Hist. Lib. II, 115; Chron. XVII; Bor Neerl. Hist. VIII, 128; X, 240; XIII, 76; P. Paulus, Verklaring v. d. Unie v. Utrecht, 58; v. Reyd, X, 199—202; Wagenaar, Vad. Hist., IX, 87; Aitsema, Saken v. Staat en Oott\ IV, 648—53; Vriemoet, Athen. Fris. 146; te Water, Verbond der edelen, IÜ, 278; Scheltema, Staatk. Nederl.; v. d. Aa, biogr. Woordenb. in voce; F. van Vervov, Enige gedenckweerdige geschiedenissen, 1841. UBBO EMMIUS DE stoarje fen Fryslan is gjin ünbiskreaun blêd pompier. Der hat godtank al tiden en tiden in Fryske skiedskriuwing we^st. It Fryske wêzen kin net inkel opboud wirde üt lyryk. Dat is ienlingwirk. Gjin drama ef epos bistiet sünder skiednis. Skiednis is miengüd fen in folts. Earst as skiedskriuwer, dichter en steatsman inoar de han jowe, kin der sprake komme fen in biwoartele nasjonale foltsüntjowing. Dêrom fortsjinje yn de skiednis fen 'e Fryske striid dy mannen in eareplak, dêr't de skiedpinne oan tabitroud is. Iisbrekkers op dit wide fjild binne de greate 13e ieuske kleasterfaden fen de abdije Blomhof yn Witewierrum, Emo en Menko. Hwet dizze kronisten skreaunen, kin net gau to heech oanslein wirde. Hjar forslach oer de krüstochten, oer de Stedingers, oer de reizen nei Rome en Premontré, oer it bilegerjen fen Aken, oer kometen en eklipsen, wetterfloeden en syktmen, oerstreamings en diken, hat hjar wirk in plak Ünder de wichtige skiedboarnen bisoarge. Hja teikenen de bloeitiid oan fen maerteblom, Iobbestrük en beantsjes, mar ek de dei fen de Marcellusfided (12 Jan. 1219) en de Upstalbeamgearkomsten, der't it Fryske lanfréboun syn heilsum pasifikaesjewirk die. Ho kostber binne dizze kroniken for de tsjerklikrStatistyske biskriuwing, for de êlde geografy en net it minst for de Fryske rjuchtskiednis. En hokker tankber brükme hawwe Ubbo Emmius, N. Westendorp, v. Halsema, de Geer, I. Telting en W. B. S. Boeles dêrfen makke. Dêrnjunken steane de Tinkskriften fen de Begaerder Abdije by Hallum, ek üt de 13e ieu. De bioefener fen de Fryske kultuerskiednis en nammekinde kin dêr syn hert oan ophelje. Dêr sjucht men de müntsen oan it wirk by hjar boeken, yn 'e tsjerke, op it lan. Dêr kriget men kinde oan hjar wünderleauwe en ynlike Jezusljeafde. En as men by dizze bondel fen Norbertynske abtelibbens yette de kleasterkroniken foeget fen de Lidlumer kleasterfad Sibrandus Leo en fen de Cisterciënser abdijen Aedwerd en Blomkamp, den hat Fryslan net to kleijen, en sit ek for sociael-oekonomyske en kinsthistoaryske stuedzje yn dizze boarnen treftich ark oer in tiids- lorrin ien goed ijouwer ieuwen. Lykwols is dit allegearre kronykwirk. For in skiedskriuwer jilde heger easken. En as men freget, hwa is nou de man, dy't de rige iepenet, den neamt men de namme Worp, üt it trochloftich Tjaerdaskaei to Rmsumageast, dy fen 1532—38 prior wier fen it kleaster Thabor by Snits, de oardielkindige skriuwer fen it Chrc^ nicon Frisiae. dêr't in woldiedige ljeafde üt sprekt for bertegroun en folts, en dy't troch dy ljeafde dochs net forbline waerd. Segel fen it Begaerder kleaster. In skoftke neitttd naem de East- fryske haedling, Eggerik Beninga fen Grimersum, (stoarn 1562), dy't opfied waerd oan it hóf fen greve Edsard de skiedpinne op en skreau syn Chronijk of historie van Oostfrieslant. Do't dizze steatsman ta de heechste ampten yn syn lan opkleaun wier, krige dominy Emme to Greetsyl, sa'n pear üre fen Grimersum óf, in soan, dy de namme Ubbe hie. As jongfeint lies Ubbe it wirk fen Beninga, en fortaelde it om him to oefenjen yn it latyn. Letter, do't er seis skiedskriuwer waerd, naem er yn syn Rerum Frisicarum historia frijhwet üt Beninga syn kronyk oer, dat de toets fen 'e krityk net hirdzje koe. Sa binne der skeakels, dy de iene historiograef oan 'e oare forbine. Ut Worp fen Thabor hellen de measte skiedskriuwers hjar materiael, faek sünder him to neamen. Dat like do mear in oanwenst west to hawwen. Bygelyks hat Emmius op syn bar in skiedskriuwer neifolge hwaens namme er forswijt, n.1. Cornelius Kempius, dy t for syn tiid dochs in weardefol boekje oer Fryslên skreau, tytle De origine, situ, qualitate et quantitate Frisiae, Col. Agr. 1588. Hy wier in Dokkumer magister (1520—1589), waerd redger yn Fivelgoa (1559—63) en riedsman fen biskop Johan Knijff yn Grins, dêr't er as fül katholyk wakker meiholp om de stêd öffallich fen 'e Uny to meitsjen (1580). Yn syn boekje samle er hwet hy fen Slde minsken hearde en üt boeken „yn 'e folkstael" lies. „Ik haw" — skriuwt er — „in to swiere taek op my nommen, mar myn heitelansljeafde hat oerwoun. It is from wirk de heitelansdieden to biskriuwen, en dy yn frije amerijkes mids dizze roerige tiid to lézen, scil jimme net ünwolkom wêze. Smakket it jimme net allegearre, nim den it béste for kar: it is ingels hiem net to dwalen, gjin minsken. Mei de Heare Jezus Christus jimme liede yn it rjuchte paed." Ek hy naem frijhwet oer üt de Thaborkronyk. Mei wémoed tinkt er oan 'e tiid, do't de wirkman net nei syn wirk gie, foar en alear er by eigen gilde-alter de tsjinst bywenne; do't de learling net nei skoalle gie foar en alear er by syn alders it Pater noster ef in Ave Marije opsein hie. Yn dat forline siket er treast. En sa biskriuwt er de feanen, it turf meitsjen, de lanbou, de boerkerij, it reedriden, de doarpen en stêdden. Hy fortelt fen swannen en ganzen, fen houlik en hüsrie, fen bierdrinken en kledaezje. Hy jowt in ierdrykskinde fen de saun Fryske sélannen, en bringt op syn paniel Starum, dat in pünfal waerd en dêr't de kleasters yn stikels en Ünrant forkamen. Hy wit to forheljen fen Dokkum, dêr't de reliken fen Bonifacius binne, in tsjelk fen klearebare goud, in elpenbienen harderstêf, in kazufel en in Testemint, dat de hillige man mei eigen han skreau. Ienris yn 'e saun jier JOHAN RENGERS TEN POST lit men dy skatten allegearre oan it folts sjen. „Do't ik as bern nei skoalle gie, haw ik de fiif breaën sjoen, dy't Bonifacius yn stien foroare hat, wylst hja dochs hjar rook en smaek bihalden hiene." Yn it gouden ljocht fen in moai forline stiet him de alfryske MARTTNUS HAMCONIUS gearkomste to Upstalbeam, dêr't men rjucht die ünder 'e wide himel, yn it ljocht fen 'e sinne. Dit boekje fen Kempius hat men to leech set. Alhowol de kleur der hjir en dêr to moai op leit, fortsjinne it dy minachting net. Wy léze it mei nocht en sjugge mei formeits nei syn printsjes, dy't Fryske boeren en boerinnen yn foltseigen habyt üt dy tiid foarstelle. taek it bést en it klcarst ta utcring. Yn politike saken wiet hy de midsman twisken de Republyk en Dütsktón. Syn briétwiksel bringt yen mids de politike fragen en strideraesjes fen syn tiid. Ek nimme de tsjerkelike en godstsjinstige problemen dêr in great plak yn, foaral yn syn brieven oan 'e Frentsjer ter heechlearer Sibrandus Lubbertus. Emmius sloech ek nije banen yn op it gebiet fen 'e kartografy. Gjinien kaert fen East-Fryslan stie him oan. Hy woe hwet oars en hwet betters. Do naem er de stok yn 'e han en pandere om 1590 hinne it hiele lan troch fen plak ta plak, brocht hwet er waernaem yn kaert en forklearre it mei in chorografyske kommentaer. It wier in nije selstannige arbeid en net fen in dillettant mar fen in saekkindich man. En hy hie de mjitkinde wol sa goed yn 'e macht, det er it wirk utfiere koe. In ieu lang wierne de measte kaerten fen East-Fryslan, dy't ütkamen, bleat neiprintsels fen Emmius sinen. Emmius komt üs tomiette yn it ljocht fen 'e greate Reformaesjetüd. Syn berteplak wier it Eastfryske doarp Greetsyl, dêr't syn heit it learersampt waernaem. De Noardsé, dy't dy stille igge karakter jowt, stimpele de geast fen it bern. Boppedat wier it doarp it stamplak fen it Eastfryske hearskerhüs Circksena. De tradysje en de neitinzen fen greve Edzard wjukkelen dêr noch om. Syn heit wier in theoloog üt 'e skoalle fen 'e greate Wittenberger reformatoren. It earste ünderrjucht krige Ubbo fen syn heit. Do't er njuggen jier ald wier, kaem er op 'e Latynske skoalle. Hy bisocht Emden, Bremen en Norden oan syn fjirtjinde jier ta. De klassike talen learde er üt 'e pinne, binammen troch it ünderwys fen de Bremer rektor Molanus. Syn skriuwtrant kin men forlykje mei dy fen Livius en in tige sibbens oan 'e sköging fen 'e antiken is him altiten bybleaun. En dochs wier er tagelyk in man fen syn tüd. dy't it alde goud yn nije foarmen wist to jietten. Dit humanisme kaem to stean op Frysk-Kalvinistyske grounslach. Nei't er histoarysk arbeidzjen leard hie yn Rostock fen 'e forneamde skiedskriuwer David Chytraeus, rekke er op 'e hegeskoalle fen Genève. dêr't er twa jier tahaldde en it stiel fen Kalvijn en Beza yn him krige. Do't de stüdzjetiid om wier, kaem er wer yn it bertelan en krige er de bineaming as rektor PIERIUS WINSEMIUS fen 'e Latynske skoalle yn Norden (1579), mar om syn Grifformearde tinkbylden stjürde greve Edzard him de leane üt (1587). Dy syn broer, Johan, in Grifformeard man, naem him oer en droech him it rektoraet op fen 'e nije Latynske skoalle yn Leer. Emmius hearde ta dy minsken, dy't heel stadichoan rypje. mar den ek alhiel ryp binne. It forbliuw to Leer brocht him swide winst. Hy sloech yn alle bredens syn wjukken üt en learde dêr de liedende thïkbylden kennen fen 'e Fryske frijheidsstriid. Syn Titelprint fen in skiedkindich Vigliusboekje. geast groeide yn de geast fen it tón, dat syn twadde heitelan wirde scoe. Hy krige forkear mei oansjenlike Ommelanner edelljue, lyk as de Coendersen en Johan Rengers ten Post, dy't om hjar leauwe de wyk nei East-Fryslan nomd hiene. Do't dizze ballingen Bodders yn 'e Fryske Striid 12 nei de reduksje fen Grins yn 1594 wer hjar heitelan opsochten, hie er grif oan hjat ynfloed to tankjen, det er bineamd waerd ta rektor fen 'e Sf Martensskoalle. De groun baernde him do yn Leer al ünder 'e foetten, hwent syn biskermer, greve Johan. wier yn 1591 forstoarn en Leer rekke dêrtroch wer ünder Edzard II, dy't him üt Norden weijage hie. Emmius foun yn Grins in tankber arbeidsfjlld. Sont de tiid fen Praedinius wier de St. Martensskoalle troch de oarloch danich efterütgien, mar ünder syn krêftige lieding rekke hja gau üt it leech ta in swide bloei. Mids it klassike lan fen 'e boargerlike frijheid, yn forkear mei de greate foaroanmannen lyk as Willem Lodewyk. Abel Coendets e. o. Ontjoegen hjar syn steatkindige idealen. Oan 'e tarieding fen 'e Grinzer hegeskoallestifting hat er frijhwet dielnomd. Eft hy de eigentlike stifter west hat. is noch net ütmakke. Yn elts gefal waerd him it earste rektoraet opdroegen en it ünderwys yn skiednis en Gryksk (1614). By de bineaming fen 'e oare prefesters wier hy de fraechbeak. En de hele stifting stie by him yn it teiken anti-Hollan. As Fries woe er keare de denationahsearing fen it Noarden en as Kalvinist it Hollanske Remonstrantisme. Vorstius en syn lear fen 'e frije minskewil wier him in hinderlike dwaellear. dêr't er in daem tsjin opsmite moast. Om't Hollfin syn plicht net die, moasten Frentsjer en Grins it dwaen. Emmius hat in hopen skriften neilitten. Tjaden yn syn Gelehrtes Ostfrieslant. Aurich. 1787, II. bl. 145. neamt wol 33 op en lit de lytsere noch büten bisprek. It haedwirk fen syn libben is de Historia rerum Frisicarum. Lugd. 1596—1616. dy't yn sechstich boeken de skiednis fen East- en West-Fryslan bifettet oan 1564 ta. It hat syn rom as historikus fêstlein en lit syn oare skriften lyk as syn Historia nostri temporis, syn libbensbiskriuwing fen Willem Lodewyk, fen Menso Alting, fen David Joris en syn historysk-geografyske biskriuwing fen Fryslan her yn it skaed. Wy biwünderje de macht materiael dy't er yn dat boek forarbeide hat. Hy mei hjir en dêr mistaest ha, syn doel wier de wierheid to tsjinjen. Mei kritysk oardiel wist er syn boarnen to hifkjen en to skiftsjen. Hy giet net. tpsink ta it peil fen in kronist, mar bliuwt de historikus, dy't stiet boppe de data en fata en dy bihearsket er. Binammen for 'e 15e en 16e ieu is er in tsjüge fen 'e earste rang, dy't syn oardiel rêste lit op bitroude boarnen. Emmius is de greate bis trider fen 'e apokryfe skiedskriuwing fen Suffridus Petrus, Furmerius, Hamconius, Winsemius en oaren. Deels üt patriottysk by- gelove, deels üt ekspres fordichtsjen kamen yn 'e 16e ieu de nuverste tinkbylden oer 'e öfkomst en dieden fen de alde Friezen foar it ljocht. Binammen de gelearde Ljouwerter jurist en taelkenner Suffridus Petrus, pre fes ter yn Er f urt en Keulen, like it syn plicht to rekkenjen alle fabels dy't ütstruid wierne ta eare fen Fryslan ünder en yn systeem to belagen. As skriuwer en bibliothekaris fen kardinael Granvelle wisten Wigle fen Ayta en Joachim Hopperus him for it plan to winnen de Fryske Stoarje to skriuwen. Mar hy wier in great fantast, dy't it tsjustere forline bifolke mei syn ljochtsjende bylden, lyk as in wiettige delling op in tsjustere hjerstjoun forljochte wirdt mei wylde lantearnen. Yn syn De Frisionum antiquitatum et origine, Coloniae, 1590, liet er stamfaer Friso to wrald komme oan 'e iggen fen 'e Ganges. Mei Alexander de Greate gyng it üt Indië nei de Noardsékusten. Starum hie in timpel fen 'e God Stavo mei in iepenbiere boekerij for Fryske skiednis, Ljouwert in akadeemje. Sa gyng it troch. Mar yn dit fabelhüs smiet Emmius de bom. Hy libbe yn in heel oar klimaet fen tinkbylden as Suffridus. As Kalvinist strüze de geast fen in nije tiid him troch it moed, wylst Suffridus as katholyk noch fêst siet yn 'e alde skolastyk fen Leuven en Keulen. Hy neamde Suffridus koartwei in fabelskriuwer. Dizze wier dêr danich lilk om en andere yn syn Apologia contra Ubbonem Emmium. Mar for Emmius bleau it in ütdragen saek, det wy fen 'e aldste Fryske skiednis in UBBO EMMIUS lyts dripke witte en det mannen as Cappidus en Sulco nea net bistien hawwe ef fabelkreamers binne. Der hearde moed ta sokke dingen to sizzen en de moadeskriuwers net nei de eagen to sjen. Seis de Ljouwerter magistcaet naem it sa forkeard op, det hja him it bistudearjen fen 'e stêds-archivalia wegere, „omdet er de eare fen Fryslan tsjinstie" (1612). De 9e Desimber 1625 lei Emmius foar goed de pinne del, dy't safolle skreaun hie. Hy waerd yn it koar fen 'e tsjerke, dy't by aids de Franciscaner neamd waerd, yn Grins biïerdige. Om syn grêf stie in greate kloft amptgenoaten, learlingen en frjeonen. Dêr stiene ek stéhalder Ernst Casimir, dy't ekspres üt Ljouwert oerkomd wier en Emmius' sibbe frjeon Nicolaus Mulerius. dy't syn biograef wirde scoe. Lyk as alle greate mannen is Emmius heech foreare en fül forspein. Syn wirk waerd in branpunt fen skerpe polemyk. Enno Rudolph Brenneisen, Kanseier fen East-Fryslan joech yn 1720 syn Ostfriesische Historie und Lande-Verfassung yn twa steatlike foliobannen üt, dy't in bistriding binne fen Emmius skiedskriuwing. Dêrtsjinoer neamt Tilemann Dothias Wiarda yn syn Oatfriesische Geschichte (Aurich. 1791, X dielen) Emmius in histotifeès fen 'e earste rang en Dr. Onno Klopp (Ostfriesische Geschichte) folget syn spoar. In tsjinstanner fen Klopp. de Emder privaetgelearde J. H. D. Möhlmann joech yn 1862 in boek üt Kritik der Friesischen Geschichtschreibung und der des Dr. Onno Klopp insbesondere, dêr't er de hiele Fryske skiedskriuwing as ünbitrouber foarstelt en ek Ubbo Emmius komt yn dy krityk net better wei as de oaren. In oar gelearde Dr. J. Bolhuis van Zeeburgh stie ré om yn syn wirk Kritiek der Friesche Geschiedschrijving, 's Gravenhage 1873 de kwesje yetris grounich to bisprekken, mar it twadde diel fen syn boek is nea yn it ljocht komd. Lykwol binne yn it earste diel noch inkelde weardearjende rigels oan Emmius wijd. De béste kenner fen 'e Eastfryske skiednis, general-superintendent Bartels, dy't safolle drege opstellen oer syn heitelan skreau yn it Jahrbuch der Gesellscbaft für bildende Kunst und Vaterlandische Altertümer zu Emden hat oanwiisd, det Möhlmann flersten to fier gyng yn syn krityk en Dr. H. Reimers yn syn Die Quellen der Rerum Frisicarum Historia des Ubbo Emmius, Emden. 1907, fait him by. Men scil wol it feilichst gean as men foarsichtich is yn syn oardiel. Emmius wier, ho heech er stean mei, net ünfeilber. Hy scoe, as er nou libbe, yn 'e fierste fierte gjin frede mear hawwe by syn Fryske skiednis. Seis hat er de lettere ütjeften fen syn décades allegearre forbettere. Wy binne fierder as hy. Mar hy bliuwt in baenbrekker. Sont hy syn wirk ütjoech, kin men prate fen Fryske skiedskriuwing, dy't it libben en lijen fen it alde Friezenfolk oanfette as in ienheid. Wy dogge den ek net mei oan it öfblêdzjen fen de lauwerkranse, dy't sont trije ieuwen de holle fen Ubbo Emmius sieret. Mar ien tins moat ik dochs uterje. As Emmius syn Historia rerum Frisicarum net yn it Latyn, mar yn de foltstael skreaun hie, scoe syn bitsjutting for de Fryske stam einleas greater west hawwe. Hie hy it Frysk beuzige en net de deftige, frjemde kultuertael, dy altiten skealik is for it foltseigen wêzen, den scoe er dreger founeminten fen Fryske selstannigens lein hawwe. De tael is ienris en foargoed it palladium fen us nasjonaliteit. Troch de tael krije de nasjonale easken hjar folie wearde. Sünder hjar bliuwt de nasjonaliteit in oantinken, in for- Rvdolphvs Agricola baffelo. -.'ÖJVS.I.ATJDVS IN AOAD. HEIDET.BERGF.NSI PROFESSOR. DE HUMANIST R. AGRICOLA suchting. in gefoel. Yn 'e groun is it Latyn fen Emmius skiedboekcn in konfeksjepak. Earst troch dc kultuer fen 'e heitelanske sprake hie hy it Fryske folts üt it leech helje kinnen. Dat bliwt de ivige fortsjinste fen Gysbert Japiks. De Boalserter skoalmaster is üs mear as de Grinzer prefester. Dêr komt yette ien ding by. Yn 'e middelieuwen Üntstiene yn it Fryske formidden sagabylden. dy't it heitelanske forline bifoftenV en in stik fen it stamlibben ütmakken. Emmius hat mei dryste han dy nasjonale skat it folts öfnimme wollen. Mar dat liet men net ta En mei rjucht! In folts kin net inkel libje fen it forstanlike. It wünder bliuwt it ljeafste bern fen syn leauwe. It haldt in breed plak iepen for it irrasjonéle. Dat is de neiwirking fen it ald-Germaenske wêzen, dat djip biwoartele leit yn heimige. wylde natuerkrêften en skrouwinge for nacht en hel. Dy't dêr net mei rekkent. scil ier ef let de holle stjitte en it forlieze. In folts libbet nou ienris fen syn dreamen. En yn 'e hoalen fen syn siel binne leauwen en witten ien. Siuch- Emonis et Menkonis Werumensium Chronica yn Monumenta Gerii^rirn XXIII- Werken van het Hist. Genootschap, N. R. no. 4, ed. Fdttet AffitSnfc;Tï5bïïn*, De Abdij Bloemhof te Wittewierum UK^ rJeselde^ Gesta Abbatum Orti Sancte Marie, 1879; Oersetting .fen de Vita F?ethedc'i ynYn üs eigen Tael, 1924-25; Sibrand Leoms Fnsn Vitae ï Res gSae abbatum in Lidlum, et Horti Divae Virginisi seu Manengaerd, yn A Matthaei Veteris Aevi Analecta, III en V; koarte ynhitó fen dizze kron ken vn it Nederlansk yn Oudh. en Gestichten v. Fnesl. (v. H. en Vjt), H23 M Schoengen, Chronicon abbatum Floridi Campi vulgo Oldekloeste., vn Archief voor dfdesch. v. h. Aartsb. Utrecht, 29, bl bl. 134; H. Brugmans, De K«Sk van het klooster Aduard, yn Bijdr. en Meded. y h. Hist Gen. 1902 1 Nanninga Uitterdijk, Geschiedenis der voormalige abdiji der BernardSe'nJ'te^Ad3, 18TO; Eggerik Beninga, Historie van Oost en P MptthaPi Analecta IV; Worp van Thabor, Chronicon Frisiae, Leov. 1847, föïu TnTo ita H storie van Vriesland, yn Archief voor Vaderl. enz. Vr.esche Geschiedenis, 1824-28; A. C. Stavriensis, Chronncke ende waarachtige Beschrvvinghe: van Vrieslant, Leeuw. 1597; C. Kempius, de ongine, situ mialitateT êt quantitate Frisiaé, Col. Agr. 1588; J. G. Ottema Verslag over eeni«^ handschrn-ten der chrónyk van Worp van Thabor, Vr.]e Fries Ï05gj. Dh£1 Iets over de verschillende uitgaven der Frisia vanJ* **™°nhis; Suffridus Petrus, De Frisiorum antiquitate et origine hbn tres, Col Agr. 1590- B Furmerius, Annalium Phrisicorum hbn tres, Fran 1609; P. WinsenSs' Chronique ofte hist. gesch. v. Vrieslant, Fran. 1622; idem, Histonarum ab «cessu Caroli V libri II, Fran. 1633; C. Schotanus, Beschnrvinge ende ChroSck van de Heerlyckheydt van Frieslandt, Leeuw. 1655; Deselde De Geschiedenissen Kerckelijk ende Wereldtlyck van Friesland. F>?neker 1658, i HiinriHps It aade Friesche Terp, Leeuw. 1677; Foeke Sjoerds, Hist. jaarLken vfn óu l e* nieuw Friesland, 1768-71, 5 din; W. Eekhoff, Beknopte Geschiedenis van Friesland, Leeuw. 1851; A. Hallema, Koart oersjuch fen Fryslan's Skiednis, 1918; A. Reershemii, Ostfriesl. Prediger Denkmal, 1765: Ubb. Emmii elogium per Nic. Mulerium, Gron. 1628 (en 1728); Effigies et vitae professorum Acad. Gron. Oml. 39—80; Saxe, Onomasticon IV; Rothermund, Das gelehrte Hannover, 1823; Jonckbloet, Gedenkboek der Hoogeschool te Groningen, 1864; W. B. S. Boeles, Levensschetsen der Groninger Hoogleeraren; Babucke, Gesch. d. k. Progymn. in Norden, 1877; H. Reimers, üstfriesland, bis zum Aussterben seines Fürstenhauses, Bremen, 1925; J. Bolhuis van Zeeburgh, Kritiek der Friesche Geschiedschrijving, 1873; Kurt Heckscher, Die Volkskunde des Germanischen Kulturkreises, Hamburg, 1925, s. 62—151. JURJEN FEN BURMANIA IT sprckwird hat by it Fryske folts jimmer yn hege eare süen. Forskate samlingen seagen oan dizze kusten it ljocht. Us foltsskriuwers bitsjinje hjar jerne fen dizze lytskinst. Yn üs boeredoarpen hat de foltsmüle se noch net forspein, en hearre se ta de poëzije fen it plattelSn. Skriftkindige tsjügenissen üt aleartiden hawwe by tüzenen skjin öfdien, binne dea, mar it sprekwird libbet yette yn 'e hüs en op strjitte. It mei yn üs krante- en motortiid in swak libben wêze. it erfskip is net alhiel forlern. Freget men nei de oarsprong fen üs sprekwirden, den moat men net inkeld oan de Fryske snedigens tinke. Hja hawwe faek fiere, lange reizen makke. In skep sprute üt de antike oerlevering fen Griken en Romeinen, üt Bibel en tsjerkfaders. Greate learden lyk as Erasmus, hwaens Adagia yn 1500 to Parys ütkamen en mear as fyftich printingen bilibben, hawwe de sprekwirdekennisse gansk bifoardere. Fen dy ynfloed bleau ek Fryslan net frij. Binammen do t yn 'e earste helt fen 'e 16e ieu sa'n ferme wynskoer it deadske beamte skodde en men op it foetspoar fen Luther, Sebastiaen Frank en Hans Sachs mear oandacht oan de foltseigen tael bigoun to jaen, krige it sprekwird twisken Fly en Lauwers mear bioefeners. Sa'n bioefener wier Jurjen fen Burmania, in Frysk jonker, dêr't men net folie fen öf wit, mar dy as sprekwirdesamler en as frjeon fen de foltstael hjir net mist wirde mei. Syn heit wier Upke Burmania (pl.m. 1615). dy't folie pielde mei genealogy. De adel fielde yette tige nasjonael. Jurjen syn bernetiid forroun to Stiens yn 'e alderlike stins. Hy studearre yn 'e rjuchten to Frjentsjer, dêr't er de 16e Maeije 1592 ynskreaun waerd as studint. in wike foar Johannes Bogerman. Ut dy golle. goud'ne tiid is noch in frjeone-album oer, det men sjen kin yn it Frysk Museum. It is in eksemplaer fen J. Amman's Wappenbuch, Frankfort 1579. Dêr steane ridders yn en edelfrouljue, muzikanten, dy't spylje op lillepipen. müntsen mei bikers yn 'e han, en al dy ljue hawwe twisken hjarren yn in blank wapen- skyld. Dêr teikenen de akadeemjefrjeonen hjar heraldike bylden op en skreauwen dêr in opdracht, spreuk en namme nést. Syn spitsen wierne: Taco Aysma, Johannes fen Burmania, Gerbrandus Buygers, Andreas ab Offenhuysen, Wilco Holingerus ab Eijtzingh, Haio A. Roussel, Viglius Aytta de Zuichem, Rippertus Sixti, Heinrich Hundulet en Edzardus Erts. Hy boaske mei Luts Juwsdochter fen Dekama en yn in twade houlik mei Feds Wytzesdochter fen Cammingha. Syn stjêrdei is 10 Des. 1634. Syn biente rêst yn 'e Stienzer tsjerke en is ditsen mei de moaije grêfstien, dy't hjir öfbylde is. Syn portret hingét yn de muntekeamer fen it Frysk Muséum, nést dat fen Luts, syn wiif. Mear witte wy net fen syn libben, mar syn geast sprekt noch üt in lyts opskriuwboekje yn parkeminten omslach, dat plak krige hat yn 'e rike samling boeken fen J. H. Halbertsma op 'e Kanselerij to Ljouwert. It is in eigenhannich manuskript, lyk as bliken docht üt it ünderskrift op 'e léste blêdside C(arel) G(eorg) v(an) B(urmania) 1614. Men moat hjirby witte, det er neamd waerd by syn twadde namme Georg, dat yn it Frysk Jurjen is. Dit hanskrift bifettet sa'n 1200 sprekwirden, dy't steane op it A-Bie, herders inkelde hünderten mans- en frouljuesnammen yn alfabetyske folchoarder. Dominy Joast hat it boekjé koft op 'e auksje fen' prefester E. Wassenbergh, dy't de eigennammen tsjinstber makke for de list, dy't hy joech yn syn Bijdragen tot den Frieschen Tongval (1802). Yn 1874 scoe it ta de ütjefte fen it manuskript komme. De man, dy't dat op him naem wier Pieter Jacob Harrebomee, skoalmaster JURJEN FEN BURMANIA to Gorkum, de aerts-sprekwirdesamler, dy't fen syn fyftjinde jier oant syn dea ta yn 1880, do't er 71 jier ald wier, sa'n fyftich tüzen sprekwirden gearfandele hat. It prospektus waerd printe by de ütjower Cv Schook to Gorkum. De titel yn sierlike alde letterdruk wier: Der oude vrije Friesen Spreekwoorden gelijck d'selve huydendaegs by heur, ende niemant anders in haar eigen vaderland gebruijckt ende gesproocken worden, by deletter A. B. C. etc. gestelt. In den jare 1614 op Burmaniastate to Stiens opgesteld door C. Georg van Burmania. Harrebomee seit yn dit prospektus: „Fryslan hat earder as alle provinsjes fen Nederlan der op figelearre om sprekwirden to swyljen. It is herwei de wichtichste samling, dy't ea bistien hat. Der bisteane twa ófskriften fen, ien fen prefester Wassenbergh en ien fen J. A. de Chalmot." Dippetearde Steaten fen Fryslan hienen op forsiik fen 'e biwirker de opdracht fen it geskrift oannomd en G. Colmjon, archivarisbibliothekaris fen 'e provinsje hie de sprekwirden yn it Hollansk oerset en elts wird, yn safler dat mooglik wier, forklearre. Der wierne lykwols sa'n bytsje ynteikeners op it wirk, det de ütjower yn 'e ütjefte gjin gat seach. Sa is it net oan publikaesje takomd. J. H. Halbertsma naem yn it Hollanske foarwird op 'e Lapekoer fen 1834, dat giet oer 'e Fryske stavering, sa'n fjirtich sprekwirden fen Burmania op. Waling Dykstra joech oan frijhwet plak efter yn syn wirk Uit Frieslands Volksleven. Mar de man, dy de Burmaniabondel ünder 'e eagen fen alleman brocht, wier J. Hepkema, ütjower fen it Nieuwsblad van Friesland. Hy reizge yn 1898 nei BURMANIA STATE TO STIENS Ingelan om in ündersiik to dwaen nei de forbiningen twisken Gysbert Japiks en Franciscus Junius, en trof yn Londen de taellearde Dr. H. C. Muller. Hja teagen togearre nei Oxford en founen dêr by de Juniana in selsum boekje, in unikum, tytle Oude Friesche Spreeckwoorden, gelyck dieselve huyden daegs by haer in haer eygen Vaderlandt gebruykt ende gesproken worden, en yn it ljocht komd to Frentsjer, yn 1641. Hja skreaunen it oer en do krige it plak yn 'e Feanster krante. Letter is der in kreaze ütjefte fen makke, dy't men for acht stüren oan 'e kranteprinterij krije kin. Dizze ' üt- ' jefte bifettet de sprekwirdesamling fen J. Burmania. Hepkema hat him yn dizze saek fortsjinstlik makke troch it biwiis to lever jen, det Burmania syn blommen utersté net inkel plöke üt 'e sappige mieden fen it foltslibben, mar üt oare samlingen en det er den oan it oersetten gie. Ien fen dy samlingén is yn 1495 to Delft ütkomd ünder 'e titel Prouerbia communia, in oare yn 1550 to Kampen, tytle Gemeene Duytsche Spreekwoorden, Adagia of Prouerben ghenaemt, seer geneuglick om to lesen ende ook prophytelick om te weten allen dengheenen, die ze wyslick willen leeren spreken ende schrijven, en printe by Petrus Warnerse, dy't de samling grif ek gearstalde. As men dizze boekjes sa ris trochnoasket wirdt men al daelk gewaer, det men hjir net inkeld mei sprekwirden to dwaen hat. Harrebomee ünderskiedt: Adagia (sprekwirden), Sententiae (spreuken) en Genera dicendi (sprekwizen). Dizze Grêfstien fen Jurjen fen Burmania. trije soarten binne allegearre fortsjinwirdige. Burmania hie in brede opfetting fen syn wirk. Hy einet bygelyks syn hanskrift mei it neifolgjende: De friesche Petelle bestaat van dese 13 volgende gerechten: 1 Schincke, 2 PyckelflaesCk, 3 Speek en 4 Lijre, 5 Spialtreeckte tonge, 6 Schiepsbout, 7 Bargefoeten, 8 Bargeholle, 9 Bargerigh, 10 Bargeribspier, 11 Wirste, 12 Swansbout, 13 Eijnfugel uijttet saat. Der oude Vriesen bedachte ouer de oiunaticheit: De Leytsche laape De Haerlemsche taape En de schier iel Bringe Frieslan ijne wiel Ende is dus verandert: De forwielen lape De rynsche tape De haege staet Meytse Frieslan blaet. Dit is allegearre ynfrysk spil, lyk as de listen mei heitelanske nammen, dy't er op it A-Bie brocht, sa'n 500 mei inoar. En nét oars is it mei de histoaryske sprekwirden en de sizwizen, dy't ankerje yn it Fryske foltslibben, bygelyks: Bomke boppe, zey die Borgemaester fin Frencker f jen Syn Excel. Mauritius (d.i. de kop derf oar). Hy het nin lyk sint Skerne Wybe dea. Skerne Wibe die de ljoe goed en quea beide. Mannen fen Boxum, dat wieren mannen. Hy slacht er mey Wierumer stook yn. Mey ghemack, sey Goffe Roorda, en krigge ien fuwst yn 't aegh. Nobis Syphringe en tousen droesmannen, sey Jou Jousma. Non estis, sey heer Duco, en hie nin troef. Ho zeyn d' alde Friesen? Ik hab lieaver, dat my de swaerd op 'e holle schrokket, dan al to folie reyn. Hermana beanyters. Botnia speckyters. . Deynumer supetapers. Hottingha wighyters. Roorda brijiters. Dêr is mank dizze histoaryske sizwizen noch air is ien, dêr't men de forklearring net fen wit. Hwet bitsjut bygelyks: Boseme Raam, dat ek stiet op in sulveren biker fen Pier Walta yn it Frysk Muséum? Hwet is: Heylick krüs to Snits? It leannet de moeite de ünderskate libbensgebieten nei to gean dêr't de lange sprekwirde-rige sines fen seit, en yn hokker gnappe, kleare formules de libbensünderfining fêstlein wirdt. Ek hwet tsjflge wirdt fen God en minskelot, fen skoalle en tsjerke, fen iten en drinken, fen waer en wyn, fen jild en ambacht, fen fiskjen en jeijen, fen dokter en abbekaet, fen tiid en ivichheid. Hjir is wirk for de Fryske jongerein yn krite en stüdzjeklub. Hjir is tankber lear- en skriuwark for us skoallen. En ek de preekstoel kin winst dwaen mei it geastlik legaet, dat de Stienzer edelman it heitelan ienris formakke hat. Sjuch: J. Hepkema, Der Vrije Friezen Spreekwoorden; W. H. D. Suringar, Over de Proverbia communia, yn Versl. v. h. gymn. te Leiden, 1862; W. Borchardt, Die Sprichwörtlichen Redensarten im Deutschen Volksmunde, 1895; J. Werner, LateuUsche Sprichwörter und Sinnsprüche des Mittelaiters, 1912; F. A. Stoett, Nederl. Spreekwoorden en uitdrukkingen, 4e dr. 1925; F. Sefler, Deutsche Sprichwörterkunde, München, 1922. SYBREN SICCAMA MEN hoecht gjin fiere öfstan to rinnen om fen Jurjen Burmania by Siccama to kommen. Fryslan stie yn it teiken fen de greate Kalvinisten: Johannes Bogerman, Karei Roorda en Sibrandus Lubbertus, dy it byntwirk fen it Fryske hüs sterk makken nei it makkelei fen Genève. It Fryske wêzen wier yn 'e stoarm fen 'e Reformaesje in oar wirden. De tearige, bilitsen troanje fen alear stie nou blier. De spanning fen 'e frijheidskriich hie muzyk brocht yn 'e minsken en dingen. It wier in skilderij om to sjen, dy jonge, lytse boererepublyk. Hja hie hjar eigen akadeemje en admiraliteit; hjar eigen gesanten yn Frankryk en Ingelan, Prusen en Sweden. Hjar steaten joegen tawird for it boask fen de Nassauske foarsten, dy't ek op hjar kosten bfiërdge waerden. Men hie in eigen East-Indyske Kompagny. in eigen histoarjeskriuwer en mintwêzen. Men hie in eigen kompenij Beijerske artillery en Switsers (1747) en liende oarlochsskippen oan 'e Generaliteit for de ekspedysje nei Brazilië (1650). Men joech tüzenen goune subsydzje ta it bouwen fen nije tsjerken, naem bisluten tsjin Labadisten en Hernhutters, en feardige publikaesjes üt ta it krekt ünderhalden fen 'e sabbath. Men woe neat witte fen de Dordtske tsjerkenoarder, en forklearre de ljue, dy't hjar ynfiere woene for forsteurders fen 'e miene rêst (10 Juli 1620). Men skreau it publyk gebet foar, dat yn 'e tsjerken for it biwald barre moast. Men ornearre tank-, fêstel- en biddagen, en stalde in formulier gear for it Joadske houlik. Joech de letterkinde ek utering fen de nije steat fen saken? Sloegen dichters de han oan it spylark? Foun de werberte hjar wearslach yn de ieuwenalde sprake? Sa mocht men it forwacbtsje, mar it nije lüd waerd net heard. Dêr wier noch gjin heitelansk sjonger, dy it sielebisit fen üs folts forklanke. Dochs hie Fryslan in rimer, dy yn de offisieel öftanke tael in brilloftstik makke, tyde Gaerspraeck fen twaa Frijsche Huuslioe, Woutir en Tjalle, byschrieuwende dy Bruiloft fen mijn Heer Marcus a Lycklama Brey- geman in Juffir Perk a Goslinga, Leeuw. 1609. Dit is it aldst bikende brilloftsdicht yn it Frysk, wichtich om tael en stavering. Wichtich ek om it formidden, dêr't it foardroegen waerd, n.1. op it boask fen in Stellingwerver edelman üt it skaei dat yette yn wêzen is: Lyclema è Nijeholt, teffens prefester yn 'e rjuchten to Frentsjer en in dochter üt it eale slachte fen Goslinga üt Skraerd. Dit petear hat 5 ütjeften bilibbe (1609, 1639, 1714, 1826 en 1908). Ik nim der in stealtsje üt oer. Tjalle seit: Herck omme nycheydt to, so meyts ick 't dy gau wys. Du wiste ommers wol, hoe dat ick mey mijn Lammen, In mey uws Schieppen Tzijs, dir to uws greate Hammen, Jister ney Frenckie'r taegh, om dat ick nei mijn sin, Dy dir forkeapje mocht, in dwaen so myn gewin. Ick wier nau inne Sted, of dir kaam stracx in Minsche, . In sey: Faer, ick heb lang ney soek in Huwsman winsche, As y nu riuchte fort, hoe, dat is riucht myn Man, Y bringe tijgge Goed, hien y dog ytte in Swan, So wiert al ney myn sin: Maer nu, allijcke folie, Ick bin hjir mey to freed, as y oors tijgge wolle. So gae mey ney Huws, so meyts ick se jo quijt. Ick wier ir mey to freed, ick' naam nin lang respyt, Ick folgd him after ney, hy brocht my yin in koken.. Ick wist naet hoe ick hie, jo sietin der to smoken Der wier so swieten roock...... Do kaamer in aad Wijf, en joe my ien stick ytten, Fen Ham in Liere, Faar, dir siet ick op to bytten, Ja, dit kaam ytte in oor, en hie in gwse Bonck, In sey: Klugge dy aeck, dir op smeckit in dronck, So kry y hette moed? Hoe tinckt dy Boerman Tjalle, Wier dit naet wol to dwaen? 't mogt my altyd wol falie. Do joense my ien kroes fen Silver wonder graet, Vol goed, jo naemdent Bier, ick dronck de Boyen blaet, It smecke my so swiet, ick liet it weer fol schinse. Efter de Gearspraek stiet yette in ferske fen „Den Auctor tot die Solisten." As men dêr de bigjinletter fen eltse rigel gearfettet, kriget men it wird Hichtumannus, dat grif doelt op de dichter. As men nou oanmerket, det yn dy dagen Johan fen Hichtum dominy wier yn Wytmarsum (1590), Ytens (1606), Ysbrechtum (1609) en Nijlan (1613—28), den is der alle kans, det hy de dichter is fen dit earste Fryske fers. wier styl yn alles. Dêr siet karakter yn alles, hwet foar it ljocht kaem. En der wier forban twisken yndustry en skilderkinst, twisken boukinst, dichtkinst en wittenskip. It wier allegearre de skoandere utering fen ien krêftich libben. Nearne kaem dat miskien ta ealer iepenbiering as yn Boalsert, de stêd fen master Gysbert. de stêd fen Sybren Siccama en de Bogermans. Twisken dizze dragers fen de Fryske kultuer bistie in ynlik forban, dêr't de skied-ündersiker noch mear ljocht oer oanstekke moat. Dit stiet wol fêst: de heit fen master Gysbert, boargemaster fen Boalsert, en Sybren Siccama, siktaris fen 'e stêd, hienen in great part yn 'e bou fen it stêdhüs. Do't it yn 1606 yn alle gloarje fen syn moaijens klear wier, mochten hja de eare hawwe de twa grounlizzers to wêzen. Sybren syn heit Tsjaerd Claeszen S. hie lyk as syn soan it offysje fen siktaris yn 'e stêd fen Boalsert (1578) Hy wier lisentiaet yn 'e rjuchten en op dat gebiet tige biwittenskippe. Fierders stie hy toboek as man fen kinst dy't alle muzykynstreminten; binammen de harp feardich bispylje koe. Yn 1578 gie er oer fen 'e Roomske nei de Griffemearde tsjerke en dêrtroch waerd hy in iisbrekker fen de Reformaesje to Boalsert en de rjuchterhan fen Johannes Bogerman, dy't dêr dominy wier (1580-93) heit fen 'e forneamde synodefoarsitter te Dordrecht. De soan kaem to wrald om 'e skoat fen 1570 hinne en waerd op 'e Latynske skoalle fen syn bertestêd in learling fen 'e bigaefde rektor Johannes Fungeri. dy't him fen 1583-1590 les joech. Dêr wier gjin fak fen wittenskip. dat Fungeri net bioefene, sadet Geveltreppen fen it Boalserter Stêdhüs. men oannimme kin, det Sybren ferm ünderlein op 'e Frentsjerter akadeemjebanken sitten gean koe. Op 'e 18e fen simmermoanne 1590 waerd er as studint yn 'e rjuchten ynskreaun. Yn 1598 stie syn namme op 'e rölle fen Fryske abbekaten as dokter utriusque juris. Mar it pleitsjen foar 'e baelje sinnige him net. Hy Waerd siktaris fen Hasselt yn Oeryssel. Dêr skreau er in historysk-jüridyske stüdzje De Judicio centum virali, Frjentsjer, 1596, dy't er opdroech oan stéhalder Willem Lodewyk, en twa boekjes oer 'e Romeinske kalinder. As great forearder fen prefester Scaliger to Leiden, kaem yn ien fen dizze skriften De Veteri anno Romano Romuli et Numae Populi Antitheses, Campis, 1599, in opdracht oan dizze gelearde to stean. Do't er yn 1597 nei Den Haech moast for in publike saek, koe er net neilitte by Scaliger oan to gean. Dizze lette en sette him, liet him alderlei skatten üt de aldheid sjen en hie it drok mei him oer de stüdzje fen 'e chronology. Siccama hat salang ivere, det ds. Bogerman, dy't yn Appingedam stie, it birop fen Hasselt krige. Hy wist alle bisteande biswieren üt 'e wei to krijen en de ald dominy rekke yn Hasselt op 'e stoel (1598). Yn 1602 folge Sybren syn heit as siktaris fen Boalsert op en wijde herders syn krêften oan syn bertestêd. Hy hie daelk it fortrouwen. Noch gjin jier nei syn bineaming moast er in bihyplike saek opknappe. Stêd en Tsjerke to Boalsert rekken mei inoar yn tsjok waer. Hy krige do opdracht om mei prefester Henricus Antonius Nerdenus üt Frjentsjer de ünienigens del to bêdzjen. Fierders joech er bliken fen syn greate ljeafde for de Griffemearde Tsjerke en hjar amptsdragers, do t er in libbensbiskriuwing joech fen syn frjeon Godefridus Sopingius, dy't fen 1603 oant 1615 dominy to Boalsert wier. Siccama is rêst 31 Maeije 1622 en büërdige yn 'e Boalserter tsjerke. It grêfskrift jowt de namme fen syn wiif Wilkien Reins (f 1604), dêr't er twa soannen by hie, Rein, dy't dominy waerd yn Wolsum en Westhim (f 1681) en Tjeerd, dy't dokter waerd to Boalsert (f 1650). Ta syn neiteam hearde Dr. Abel Siccama, dy't yn 'e 18e ieu in boekforkeapers- en ütjowerssaek hie op 'e Iewal to Ljouwert, en Abel Siccama, dy't om 1830 taelmaster wier yn Londen en de hanskriften fen Franciscus Junius yn Oxford bistudearre. JAN STARTER DE midfryske skriftekennisse is yn syn opkommen to forlykjen mei de earste flnneblomkes yn Sellemoanne. Dy foarboaden fen de maitiid kypje hiel dimmen en skruten üt it gèrs, as doare hja hjar wite kroantsjes noch net sjen to litten. Mar nammensto ljeaver binne hja üs. Sa binne wy bernebliid mei de foarjiersknopkes en sprütsjes yn 'e Fryske lettertün fen 'e jonge Republyk ünder it Nassauske findel, en it is üs in swiet formeits se to biloaitsjen en oaren ek de freugde dêrfen to jaen. Yn 1618 joech Dr. Hero fen Schingen, abbekaet foar it Hóf fen Fryslan, in boekje üt by Dirck Alberts, boekforkeaper yn 'e Klokstrjitte to Ljouwert, tytle Procurator, Ende der Rechten Begin, in Nederlantsche Tale door 't Samensprekinghe van drie Personen, namen tl ijcken Rechter, Procureur, Patiënt (2e pr. 1635), opdroegen oan 'e magistraten, grytmannen en oare „offesieren" fen Fryslan. Foaryn stiet dit ferske: It lijts Printe-Boeck to dy Friessche Plachter. Ste doch hette stille, By dijn liaefste Hille, En kaepe my, Zijug reys troch dijn Brille, ik jou dy dijn wille, As buijter in Bry, Du wotte jern Plachtie, en rinne en jachtie, In alle dijn dwaaen, So do kenste Lesse, in Tijusch 't scil wol wesse, En kenstet verstean, So achte nin doren, rumoeren of loren, Ney Lioeuwert rin naet, Om viouwer vijf Blanken, it zinne nin ranken, So kaepeste my, Ik sil naet flouwe, en dy 't sil naet rouwe, 't Is Buijter in Bry. Op 'e léste blêdside fen 'e Procurator stiet dit puntdicht: De Gier-swael binesselt de Toer, Al hie hy by him naet ienen Stoer., Dy woe aeck op ien yder sprecke, Hoe wolmen him graetlijcx koene begecke, Die Gier-swael klim aeck om haech In 't leste voelder al to laech, Hy wist aeck naet ven Holle noch Stirt, So kaamt der troch dat hy him bikirt. Master Gysbert hat foar syn Rymlerye in soart allikens rymlce. mar koarter, krêftiger: D' Aebarre trapet plomp yn 't gnod Oer 't goe kruwd hinne en sijkt de Podd': Dy hjir uwt. naet as fuwl op-sykje, Momme ek, mei rjucht by Rea-skonk lykje. Beide dichtstikjes binne oan it adres fen waenwize lekskoaijers. Der is ek yette in trêdde ferske fen Hero a Schingen, n.1. yn syn boekje Frisii Icti Paratitla: Ofte korte Begrijp over het Corpus Juris (Leeuw. 1623, 2e pr. 1635), fen dizze ynhald: To dy Frieske Lesser. Die Oerlantsche Romeyners habben litten uyt gaen, In 't Latijn eertijts, dat wy naet koene verstaen, Die Wetten van Plachtien mijn verstand te haech Dit Boeck nu komt in Tale heel laech, It scijijlt soo volle als nacht ende Dey, As wijt en swart, als suur en swiet, Ick les nu die Riuchten heel sonder vertriet, Ick bejer nu mar ien tijgge Brille, Der mey in 't Plachtien hab ick mijn wille. Niisneamde boekjes woene yn it miene de Friezen, dy mar al to faek mei in dolle kop in saek yn 'e pleit smieten, mear rjuchtwitnis bisoargje. En de ferskes yn 'e lanstael moasten boer en boarger foar it forstan bringe: „Tua res agitur." d.i. It giet om dyn eigen saek. Mei dat pleitsjen moat it der dodestiids wol ald ütgien wêze, hwent om 'e skoat fen 1620 hinne kaem dér in toanielstik üt. dat op itselde ambyld sloech. It is de Vermaecklijcke Sotte-Clucht van een Advocaet ende een Boer fen Jan Starter, op *t plat Friesch. Dit komike stik makket in diel üt fen it Blyeyndich Truyrspel van 0 Timbre de Cardone ende Fenicie van Messine (Ljouwert 1618). De klucht komt hjir op del, boer Sjouke Sipkes fait mei syn pleitsaek oer in keal, dat in stek tobiten hie, yn hannen fen 'e abbekaet Roemer Warnar, dy't heislik mei Latynske rjuchtstermen omskermet. De boer slacht der ek raer yn om en praet fen Poreus Luris, schententie en puggelike snottaris yn pleats fen Corpus Juris, sententie en publicus notaris. It is alhiel birekkene op laitsjen en spotslaen mei it abbekaetsjen. Hjir folget in staeltsje fen de boer syn praet: Het wylde wyrum! wyr mey hier oornse yen tyge Doctoor wenje? ick bin al by twa pugelijcke snottarissen wessen, dy by den Hove lamenterre wieren, den jo wiste my nin tyge riè, maer jo wysse my by yen pistleerende prokroor; Dit koe ven schipsbrieven, quinckernellen, En de Deel mey sijn moêr, fertellen; Dir naet out forgetten wier as galg en ret, Lijck as by estempel fen schipsbriuwen schriuwer al te met Ontmestje, ontspietje, ontseylje, ontflietje, Ontwortelje, ontvroetje, ontboomje, ontkloetje; Hy macke my de holle corts op de rin, Het wylde Sarle wyt icker meer fin! Yn dizze inkele rigels binne al daelk dingen, dy't ek by master Gysbert thüshearre, bygelyks de ütroppen: Wylde Wjirm! en Wylde Sari! dy't sa aldgermaensk klinke en slaen op Satan. Yn 1621 kaem fen deselde han üt: de Friesche Lusthof, beplant met verscheyden stichtelijcke Minneliedekens, Gedichten ende Boertighe kluchten, by Voscuyl yn Amsterdam, mei moaije kopergravures en muzyknoaten. It boek sloech der sa yn, det de 5e printinge yn 1634 it ljocht seach. Gjin wünder! Hwent in dichter fen talint poende hjir de snaren, en syn ütjefte wier yn- en troch Frysk nasjonael. As men freget hwet Fryslan for Starter west hat, jowt de Fryske Lusthof dêr it andert op. It is for him in stik hillige ierde. Hark ris ho't er it forhearliket. Ik set it oer yn it Frysk: Gjin skoander frouspersoanen as yn it Fryske gea, As yn it frije Fryslan, sa stoer en kant fen lea, Sa ryk fen earberheden, sa krekt en kein fen aerd, Sa snedich yn it sizzen, sa steatlik en bidaerd, O Fryske lan, rjucht eale groun, Dy mei it swird dyn frijheid woun Hwa kin dyn lof feftytsje? De Friezen yn ien striid Oerwounen de Romeinen yn keizer Kareis tiid Ei, hja bistoarmen Rome en namen 't yn. Sjedêr, Sa hawwe hja bihelle de gouden frijheid wer, O Fryske lan, rjucht eale groun, Dy mei it swird dyifirijheid woun. Troch hjar manhaftichheden, hear keizer Karei froed Joech hjar syn heale wapen, om frijdom en om moed, To fieren yn hjar skylden mei priveleezje en doel To libjen sa't hja woenen en sa 't hjar it bést bifoel. O Fryske lan, rjucht eale groun, Dy mei it swird dyn frijheid woun. O Fryslan, wol biwarje dyn frijheid oant de dead, Lit nimmen dy üntkrije dyn priveleezjes great, Wol jim as mannen warre, bliuw stadich by 't gebod, Fen jim trochwize hearen, mar boppeal fen God. Fryslan hat him de moaiste frouljue fen 'e wrald. Dêr wol er op stjerre. Ingelan hat syn namme to tankjen oan 'e Fries Hingest, dy't mei in moedich herte de Noardsé oerstiek. Starter sjongt mear as ienris de lof fen Ronixa üt 'e saga, de earste Fryske faem, dy't yn Ingelan kaem en neitiid troude mei de Britske kening Vortigern. De romer joech hja him, dêrby nei lans gebrük in hoflike pea en dit wierne hjar wirden: Dü leaver Kingh wachts heyl! En dochs dizze lofsjonger fen Fryslan wier in Ingelskman. Fen syn libbensrin binne mar stikjes en brokjes bikend. Syn bibliograef M. M. Kleerkooper hat alles öfsneupt yn binnen- en bütenlan, yn boekerijen en archiven, mar de ütkomsten wierne meager. Dat is nei alle gedachten binammen hjiroan ta to skriuwen, det Starter sa hinne en wer gie. Hwet hat er net by de ein hawn: hy, de dichter, boekforkeaper, ütjower, stifter fen in rederikerskeamer, juris studiosus, journalist, soldaet, stoarjeskriuwer. Londen seach syn widze, Amsterdam syn jongfeintelibben, Ljouwert syn boekesaek, Frentsjer syn tarren en smarren as studint, Amsterdam it gearstallen fen syn Friesche Lusthof. Do waerden de saun provinsjes fen Nederlên him to lyts. Hy woe de wrald yn op 'e wei fen it wyld aventür, oant er einlings 35 jier ald op in fjildtocht fen 'e greve fen Mansfeit oan 'e Hongaerske grins stoar. Der is jimmeroan hwet riedselaftichs yn 'e libbensrin fen dizze man bleaun. Men sjocht him kommen, men sjocht him gean, hwerwei, hwerfainne? Hwet driuwt him sa rêstleas foart? Hwerom forlit er yn 1620 syn boekwinkel yn Ljouwert? Hwerom wiist er letter it min ef mear flnbisoarge libben öf. dat syn Amsterdamske frjeonen him tatochten? Is ■ it de drank? Is it de frijheidssucht? Is it de langstme nei it libben fen in „bohémien?" Wy krije gjin antwird. Wopke Eekhoff, de Ljouwter archivaris joech yn 1862 efter syn blomlêzing üt Starter's dichtwirk in oersjuch fen dit dichter- JAN STARTER libben, mar hy wier fen 'e mient öf sa troch it romantysk elemint ynnomd, det er it forhael to moai makke. De bylden fen syn fantasije joegen oanlieding ta it forsprieden fen alderlei legenden, oant Kleerkooper yetris in hierfyn ündersiik ynstelde, dêr't wy de foarnaemste ütkomsten fen meidiele. Jan Jansz. Starter, waerd yn 1593 ef 1594 yn Londen berne. Der binne formoedens, det syn alden hearden ta de Brownisten, dissenters, dy't ünder it regear fen kening Jakobus I de wyk namen nei üs lan. Amsterdam wie do de greate „Eleutheropolis" ef frijstêd fen Jerope. Dêr moat er oant 1614 tahalden ha. Yn dat jier forÜet er de stêd oan it IJ, om him as boekforkeaper to festigjen yn Ljouwert. By de Brol hie er syn winkel, dêr't de Ingelske Bibel üthong. in oantinken oan it heitelan. Hy boaske 14 Augustus , '; **'• ï. L "STARTERF" r a tr TIMBRE DE CARDONE s n z> £ FENICIE VAN MESSINE* j 99« cm ©ermaetklijch £otte «Clutht oan een AdvocacttnOf ««Boerop'tplatJftltttjj. j " TOT lEEVWAUlDEN, 19001 San ïanftn jatter/25o»tkbcttoopctöpöf©JOl/ | in ö'CnjrtftlK »fïtl, *nno/ 1618. ttarr ■ • " •■■- • ^— - "'>■ 1^-^^ Titelprint fen Starter's Blyeyndich Truyrspel. 1614 mei in Ljouwter famke, Nyske Henrixdochter. Mannen lyk as de Frentsjerter prefesters Drusius. Bouricius en Winsemius lieten boeken, Fryske graveurs lyk as Van Geilkercken en Pieter Feddes printen troch him ütjaen. Mar al gau stjürde syn sjongfaem him in oare kant üt. Hy poende wakker de snaren en krige frijhwet namme as feardich brilloftsdichter. Op 'e brilloften fen 'e Eisinga's en Rengersen, fen 'e Camminga's en Inthiema's waerd syn wirk foardroegen ef songen. Hy stelde mei stipe fen 'e Fryske adel prikken yn it wirk om it letterkindich libben to bifoarderjen troch it oprjuchtsjen fen in rederikerskeamer „Och mocht het rysen" (1618). By iepenbiere feesten forliende de keamer hjar meiwirking. By in yntocht fen Willem Lodewyk song hja in wolkomstlied. Troch dizze keamer waerden de toanielstikken fen Starter spile, ü. o. syn Timbre de Cardone. En alhowol stéhalder Willem Lodewyk hjar ünder syn hege biskerming naem, wisten de Ljouwter dominys to biwirkmasterjen, det by resolüsje fen 9 Jan. 1619 de magistraet oan Jan Starter en syn maten it gebou, dêr't de ütfierings halden waerden, opsei. Dat gebou wier it ald-tichthüs, dat alearen tsjinne hie as tsjerke fen 'e Grauwe Beginen. De opsizzing wier fen dizze gefolgen, det Starter noch yn datselde jier nei Amsterdam gie om de klean en de stikken fen 'e keamer to forkeapjen oan Dr. Samuel Koster, de greate skouboarchman. For f 900 waerden de kostüms en it spylark fen 'e han dien. De 22 Juni 1620 liet Starter him as studint yn 'e rjuchten oan 'e Frentsjerter akadeemje ynskriuwe. Efkes tofoaren wier stéhalder Willem Lodewyk forstoarn en yn forban mei forskate gedichten en lieten dy't de dichter dêroan wijde, kin men oannimme, det de dea fen syn biskermer him danich yn 't laberint brocht. Yn Frentsjer gyng er om mei fleurich studintefolk, wol ris al to fleurich. Hja sprongen to faek üt 'e ban en de froalikens sloech somtiden oer ta oerdwealskens. Sa kaem it det Jan mear as ienris mei in rüzige en süzige holle oan 'e tafel siet en net folie sin oan it wirk hie. Einlings waerd er sa forlegen, det hy gie der fentroch en liet it wiif mei de boel sitte. De tafel kaem foar 'e doar en it gerjucht feilde it hüsrie mei tabihearren om de skilden to biteljen. Jan siet ünderwilens yn Amsterdam en 21 ljeafhawwers fen 'e poëzije forbounen hjar om 'e earme dichter foar 'e tiid fen in jier toalf goune üt to biteljen. Hy fen syn kant scoe alle kopy, dy't üt syn hannen kaem, hjarren öfstean. Hy sloech oan it dichten fen oerwinningslieten en oare nasjonale sangen, dêr't er forearingen yn klinkende munt for krige fen 'e Steaten Generael en stêdsbistjüren. Do't it jier fen stipelaesje om wier, forkoft er yn 'e greate stêdden fen Hollan in print fen Jan van de Velde, dêr't er in Oranjehilde by dichte hie. Hy swalke nou hjir, den dêr. It tink- byld liet him lykwol net los om in moaije, komplete ütjefte to bisoargjen fen syn gedichten. Jan van de Velde gravearre de platen, Mr. Jaques Wedeman, muzykmaster fen Ljouwert, komponearre de muzyk en yn 'e simmer fen 1621 joech Voscuyl to Amsterdam de Friesche Lusthof üt. Yn dizze samling komt Starter üt yn al syn krêft as minnelietdichter. En dy lietkes waèrden songen. Alle meldijen meije net oarspronkelik wêze, mar hja wearklonken yn de Fryske stinzen en stêdden. Do song Fryslan noch in eigen liet. Sont is it efterütgien. It folksliet rekke dea. Troch in oar klimaet fen tinkbylden en helings, waerd it folk to earnstich for dizze poëzije. De Fryske Lusthof bifettet ek in pear fen sokke lietkes yn üs memmetael. It hardersliet en it soldatesankje nimme wy hjir oer. FRIESCH PASTOREL. Stemme: La Dolphine. Hoe komt Jetske, sis det my Dat ick fijn allinne dy Te waendre, te waendre? Swiete diaer, dit het nin fly 't Is better te feraendre. Ick hab socht jon minne langh, Den schaemte hiel my in betwangh Te swye, te swye Nu tins ick Jo mey mijn sangh Yens leafelijck te frije. Wotte mey ney het waad, Ick sei dy litte op het paad Myn hoof sjaen, myn hoof sjaen Dir is nin schierer yne wraad Dir mogge wy den grou gaen. Paéen en patsjes al den dey So folie liaefste as ick mey By bringe, by bringe. Sei ick dy jaen, dus rin naet wey Den dat sijn swiete tingen. Liaefste wolle mey yn tjaen &P|^ Ick sei dijn holle schien versjaen Mei kanckjes, mey kanckjes En dij twa ponjetjes jaen Om dijn snie-wyte hanckjes. Ringen mey stientjes dir in So as 't mijn |aef ken ney her sin Betinsen, betinsen, Sei ick dy jaen, dir to mijn min ;^'^/v En al mijn libben schinsen. Dyr om liaef jou my dijn haan Den al wijr ick Heer fen het laen Goddinne Goddinne Sycker ick wens oors nin paan Voor mijn getrouwe minne. GABBE. Myn leave Bauckje, myn swiete Famke, gEyftl Het bruyt ons 't jylt, as ick 't fersin? Het deale Gabbe barstu dus jamke? Is dy de hollle heel op de rin? Ja Bauckje liaef, ick siz, ick bin Sa bly, dat ick korts riucht opsprong, Het tusin kroone, de krieg gaet oone Dat mecket dat ick van freughde siong. Der wierne, dy't sokke lieten maltierrich en üntuchtich neamden. mar oaren rounen der heech mei wei. Sa'n tsien printingen kamen der fen yn it ljocht. Syn klucht fen Jan Soetekauw bilibbe mear as tritich ütjeften. De dichter hat net lang tsjüge wêze kinnen fen de opgong. dy't syn wirk makke. Noch de steun fen syn frjeonen, noch de stipe fen oerheidspersoanen wierne by steat him op en dür to binen. Hy bijoech him ünder it hndel fen 'e greate geloksiker greve fen Mansfeit en forwiksele de dichterspinne mei it swird. Wol neamde er himsels histoarjeskriuwer fen 'e greve, mar hy makke in diel üt fen 'e intendance en moast soargje for 'e foeraezje en it transport. Dat histoarjeskriuwen bistie üt journalistewirk for in krante-ütjower. Men scoe him nou „reporter" neame. Sa rekke er mei it soldatefolk nei Dütsklan, Moravië en Hongarije. Fryslan hat er net wersjoen. En gjin kügel fen 'e fijan, mar wirgens en ütputting makken in ein oan syn libben. Yn it iepen fjild is er biïërdige. Ho jong noch moast er it oerjaen! Hast scoe men sizze to jong. Hy ünthjitte noch safolle. Hwent ek kamen üt syn spylark wünderdjippe ivichheidsklanken. Dat tsjügje syn Nijjierslieten en syn Boetsangh. Dêr trünt er oan om yensels ré to meitsjen en de geile lusten to Bod der s yn 'e Fryske Striid j4 TITELPRENT FEN DE FRYSKE LUSTHOF 3. Te grette deste Bringht menich by leste. 4. Dauwe oppe reyn Nimt ien beschyten eyn. 5. Lyts wirden en da fest, Seyt uws heyte, sluyte best. 6. Aan bern altyd to reytzen, En schorstiens goed te meytsjen, • Comt, ney myn verstaan, heel vaeck, Naet dan by inckel lockraek. Hwa en hwet Wybrand Michiels west hat, hwennear er berne ef forstoarn is, haw ik net üt 'e archiven opdjipje kinnen. Mar der is kans. det hy, dy't sa ticht by Ljouwert wenne, kinde hawn hat oan Starter en syn rederikerskeamer, hwent de alde wierheid wirdt jimmerwei bifêstige: „Soarte siket soarte." irJ&HC!l: M- K'eerekooper, Starters laatste levensjaren yn Taal en Letteren, 1903; deselde, Bibhographie van Starter's werken, 1911; F. Buitenrust Hettema Starter s Frysk yn Fr. Bibleteek 1895; J. Hepkema, Alde Fryske Skriften van Starter G. Japks e. o., Hearenfean, 1899; Busken Huet yn De Gids 1862; m ^tev',S art,ercS.Fr- L"sthof' 1864; Logeman yn Iris, 1886; Oud Holland 2Ï2 ;,n,V, r, -,?lpma' De oorsprong van het Friesch tooneel yn De Vriie £nes, 1917. R. Visscher, Iets over het muziekleven te Leeuwarden in het i ÜÜJ?Cr- I ?euw>7n v,riie Fr- dI- 28, 1925, bl. 23; A. Hallema, De dichter J. Marter in Friesland, yn Leeuw. Nieuwsblad, Febr. 1926; F. Buitenrust Hettema, hen paar oude Friese Bruiloftssangen, yn Navorscher 1907—08 Dit landicht fen sa'n 350 rigels yn it Frysk fen syn tiid, Üntdien fen alle archaïsmen, en tige ienfüldich en lêzber stavere, wier in tige oanwinst for üs skriftekennisse. It heart ta de didaktyske poëzije, dêr't üs folts alear tige slij nei wier. It domein fen ütbylding, dat oant nou ta inkel it sprekwird en it boaskjen omfieme. waerd mei dit Virgiliaensk dichtstik moai hwet forbrede. Men kin èn yn Starter èn yn Baardt de weardige paedwizers fen Gysbert Japiks sjen. Siuch- A C. C. de Vries, De Nederl. Emblemata, Geschiedenis en Bibliographie tot de 18e eeuw, Amsterdam, 1899; N. N. Biogr. Woordenb/I, 205. GYSBERT JAPIKS IT Fryske folts hie de stive nekke net bügd yn 'e skirte fen Philips. De papistyske steat wier to lider slein. In frije Republyk stie op 'e foetten en it greate gebeur fen 'e frijheidskriich hie de Friezen uterlik en ynderlik ta oare minsken makke. De nije krêften, dy't yn 'e spanning fen 'e tiid hjar Ontjoegen, iepenbieren hjar ek yn 'e skriftekennisse. Swiid wier de forearing fen 'e Italjaenske letterkinde, dy't yn Dante, Petrarca en Ariosto hjar greatmasters hie. It reamoarmeren prielgrêf fen Petrarca (stoarn 1374), de sterke bouwer fen it sonnet, waerd sa'n trije ieuwen nei syn dea (1630) yn waenhillige iver skeind troch in münts en in kliber dronken boeren. De dichter hie Rome ienris in godleas Babyion neamd, en nou smieten de sinleazen syn tombe om. Dat waerd bikind yn Ljouwert en daelk bitochten trije dichters it feit mei in fers: 10 Jacob van der Burgh, skriuwer oan it hóf fen greve Ernst Casimir, mei in Italjaensk sonnet, 2° W. Snabelius mei itselde, 3° Dr. P. Knijff, abbekaet oan it Hóf mei in Fransk gedicht. Hja stjürden dizze poëzije nei Constantijn Huygens, dy't der sa mei op 't snjit wier, det er se optein léze liet oan Hooft. (Hoofts brieven, II 117—131, 464-65). Lodovico Ariosto (1474—1533), de dichter fen Orlando Furioso, bisong yn 'e njoggende sang Roeland's striid tsjin 'e kening fen Fryslan, de heechmoedige, dy't wapenderhan yn Hollan foei en foar it earst yn 'e wrald kenünnen brükte. Dit epos brocht de Amsterdamske toanieldichter }. J. Schipper yn it Nederlansk oer (Amst. 1649) mei in opdracht oan apteker Upke Harmen Wytzema syn wiif üt Kollum, Sibylle fen Griethuysen (J. A. Worp, Oud Holland, Ut 23). It klassicisme fen de Renaissance en de kultueridealen fen it Humanisme hiene beide ta needsaeklik gefolch in oplögjend fjür for de folkstael. De Renaissance bliesde trompetten oer de klassike suverens fen it Latyn, mar ta hbbene folkstael eigene it him net. It Humanisme dreamde oer in algemiene kultivearringe fen it Bodders yn 'e Fryske Striid 15 minskdom, it woe de wittenskip populariseafje, de kinst bringe ünder it folts en it wier dêrta as fensels oanwiisd om de nasjonale tael to brüken. Ja, dy tael seis moast ek kultivearre wirde en opflerd ta heger graed fen folmeitsing. De nije minskheid moast in draechster fen 'e geast hawwe, goudner en fijner as de klassike talen! Yn de Nederlanske biskaving fen de 16e ieu iepenbiere him itselde forskynsel. De folkstael waerd memme pop. Hja moast eptich yn 'e klean. Spellingherfoarmers stienen op. Yn 1581 seach de Nederduytsche Orthographie fen Pontus de Heuiter it ljocht. H. L. Spieghel stalde in hele grammatika gear, de Twespraeck van de Nederduitsche Letterkonst (1584). Plantijn en Kiliaen joegen hjar oandacht oan de wirdskat en brochten hjar wirdboek ta stan. Fierders briek in puristysk stribjen him baen for it ütreagjen fen alle frjemde wirden yn 'e tael. Hooft gie as skiedskriuwer en prözaskriuwer al hiel fier dy kant üt. En Hooft stie yn drok forkear mei Fryslan. Greve Ernst Casimir wier 13 Aug. 1630 gast op it hege hüs to Muiden om de moaije plantaezjes to bisjen (Br. II, 52). Gerard Staekmans to Ljouwert, lid fen 'e Steaten Generael, wier mei him bifrjeone en stjürde him fersen fen Barlaeus en makke in dichtstik op 'e dea fen jiffer Geertruyd. Hoofts dochter (Br. II, 353). De ald-boargemaster fen Harns, Hans Harmens de Vries koft for him yn 1639 hündert pounmiette tón yn Hartwerd for f8800 (Br. III, 361. IV. 168-171). Huygens hie yn dy dagen brieveforkear mei prefester P. Winsemius, skiedskriuwer, dy't do op Sjaardemastate to Frjentsjer wenne (14 Juli 1644). Claude Fonteyne joech yn 1629 Vondels Zegezang ta eare fen stéhalder Frederik Hendrik üt; Leonard Strik to Frjentsjer in kwartijn Vondelpoëzije mei prachtportret (1682). Hiel dit letterkindich Réveil fen 'e gouden ieu sloech syn weagens oer dizze kusten. It greatste biwiis is wol de bondel dichtwirk Klioos Kraam, dy't Henrik Rintjes to Ljouwert yn 1661 wraldkindich makke en poëzije ynhaldt fen S. A. Gabbema, R. Anslo. T. Asselyn, C. van Baerle, J. Boogaard. G. Brandt. H. Bruno. S. Brunsvelt, J. van der Burgh, J. de Decker, J. Duuaart, H. Galama, H. Geestdorp, S. van Griethuysen. Hugo de Groot. P. C. Hooft, C. Huygens, H. Rintjes, L. Roemers, Tesselschade. Vondel en Th. Wibinga. Ta dizze dichterkloft hearde ek master Gysbert. Der steane fjouwer fersen fen him yn, op de slach fen Duins. stéhalder Willem ti, Margaretha de Heer en de fjouwer jiergetiden. As men dy fersen lést. fielt men daelk, det it Hollansk him net to hiem wier. En sa lit him forklearje, det er yn it Stamboeck fen ds. Sixtus Brunsveldt to Snits in fers skreau, dat sa bigoun: Des Brunsvelds vloeykristal, van d' hengsthoef opgesmeten Wier guld' peerl-drups-geslorp maakt heylige poëten. Mar in eintsje fierder wirdt it Hollansk him to mansk en giet er troch yn it Frysk: Pan hearke to (da Brunsveldt bij mij wier) Ney 't gaest-gled lüwd fen lille, luwte 'in lier Dit 's (kate hy) dit 's Apoll' De Hollanske weagens skolperen tsjin Gysbert oan. Syn Fryske lieten binne faek set op in Hollanske „voys"; by tiden neamt er ek in liet fen Hooft. Syn Nyzgierige Jolle in Haytse-Yem is in Frysk Costelyck Mal. Yn syn bibletheek stienen Spieghels' Hertspieghel. de wirken fen Huygens. de Friesche Lusthof fen Starter, de Moffeschans fen Hondius, psalmbirimingen fen Vondel. Camphuysen en Westerbaen. Fen syn frjeon Gabbema krige er Brandt's Feynsjende Torquatus en Hoofts Extoarje to lien. En nettsjinsteande dit allegearre hat de Hollanske letterkinde him dochs net meislepe kinnen om syn Frysk aerd priis to jaen en to bisiikjen in Hollansk dichter to wirden. Syn foarnaemst Hollansk dichtwirk is in stik oer de fjouwer jiergetiden. düdlik Onder 'e ynfloed fen Spieghel en net sünder fornimstigens skreaun. Mar by dy inkelde proefnimmings hat er it litten. As syn frjeon Claude Fonteyne, de Ljouwter boekprinter, him inkelde gedichten fen 'e Grinzer dichteresse Sibylla van Griethuyzen stjürt. den priist Gysbert de learde frou. dy't Horatius en Cicero lies. Spaensk koe, Montaigne oanhelle en mei Huygens yn brieveforkear stie, en den skriuwt er Dy bkomm' in pearl fen Grinzerlan. Mar hy fielt tagelyk det er syn ynderlikst wêzen allinnich wier uterje kin yn it Frysk. Sa is hy forgetten as Nederlansk dichter en as Frysk dichter in geastlike macht wirden. Mei de Halbertsma's heart hy ta de klassiken fen üs skriftekennisse. Syn wirk wirdt lézen en bistudearre oant hjoed de dei. Yn eltse nije werberte fen .'e Fryske biweging spilet hy in rólle. Tiden en ynsichten meije foroarje, mar salang der in Fryske tael is, scil syn namme mei earbiedenisse neamd wirde as haedman. Mei him bigjint de eigentlike fornijing en berte fen it Fryske fers, fen it Fryske brief, fen it Fryske proaza, fen 'e Fryske grammatika. Gysbert is in kearpunt oer it hiele front. Hwet him foaröfgie wier in moarnskimer. Hy is de dage.- Bogerman, Baardt, Starter binne strükheide, hy is .de ikebeam mei brede tüken. Men kin Syn wirk fen alle kanten weardearje: taelkindich, foltskindich, sielkindich, godstsjinstich, aesthetysk, en jimmeroan bislacht de ütkomst bést. Ik jow ta, men is net aenstons mei him klear. In Frysk filoloog kin him tsjien jier ünder hénnen hawwe en noch him net mansk wêze. Syn poëzije is swierwichtich. Elts wird is wikt en woegen. De tearste kleuren op it palet moat men achtslaen. Swier is er bynammen hjirom, det er sa allinnich stiet op it Fryske mêd en üt gjin lyktidige skriuwers forklearre wirde kin. Wassenbergh en Epkema hawwe bisocht dy leechte to forhelpen troch forlikinge mei Nederlanske skriuwers ef troch etymologyske konklüzjes dy't komselden in lykweardige bitsjutting oan 'e han jowe. It feilichst paed for Gysbertstüdzje scil wol wêze, dat fen }. H. Halbertsma, hwaens han taestte yn 'e libbene foltstael en dêr nei lang siikjen omtrint de hiele Gysbert werfoun. Syn kommentaer op Fryske Tjerne en op Sjolle Kreamer in Tetke yn Letterkunde Naoogst, 1840, bl. 96—298 is in masterstik fen ütliz. En den scil fierder boud wirde moatte op 'e founeminten, dy't ds. Joast yn syn treftige Hulde aan Gysbert Japiks, Bolsward, 1824, lein hat. Alhowol de dichter heech boppe syn foargongers ütstekt, mei men him ütersté net büten syn formidden biskögje, as scoe er in wünderforskining wêze, dy't kant en klear yn 'e wrald kaem, lyk as Pallas Athene üt 'e holle fen Zeus. As ea in dichter mei taeije woartels yn 'e Fryske groun en it Fryske foltslibben biwoartele siet, den wier hy it. Om him to kennen, moat men ald Fryslan, ald Boalsert, ald Wytmarsum en 'e südhoek fen ald Westergoa kenne. Op tiid en bar üntglieden him boartlike deuntsjes, licht en prüs as flinters. It hlrde, strüfe, stronkige Frysk bigoun den to weagjen en to dounsjen. Den wier it: Myn hert dat trillet my, it is gjin roai! Myn ljeafste Wobbelke, Myn swietste Wobbelke, Myn waerdste Wobbelke, Hwet biste moai. Dat is üt eigen ljeafdelibben, lyk as dit oare: Ik hab dy ljeaf mey al myn hert. By dy is al myn nocht allinne; Myn hijmmelrijck is yn dyn schirte, In trog dijn eagen schijnt mijn sinne. En hy hie Hooft's minnepoëzije wol sa goed lézen Om yn syn ljeafdesang ek de gearspraek to brüken, lyk as syn Tjomme en Wemel f rijend petearje: Tjomme. Patke my, swiete ljeaf; na, o jiette reys, boüt! Na, na jiette reys, goudenke! Patke my folie Na, na, na, o tuwtelke! daer my 't libben jout. Ik bid dy, patke my jiette reys, so y wolle. Wemel. Nu, payerke, nu! Com pay me den red. Ick lieu, du wirdste nin payen sed. Al joeg ick dy tuwsen patkes deys, Allyke wol seyste, jiette reys. Net minder spontaen, mar mei in neitrillinge fen Roemer Visscher, is it sjongsume minnelietke: Ljeafke, lit uwz sobbje 'in sabbje 't Wijl 't uwz muwlcket, ljoent, in lest, Dat iz ommers fier' wey best. Litse gnorje' in uwz belabbje, Hwaems fjoer iz oon yesche terd. Alle dwaen het tijd in berd. Mear kinstlik en gutich is Kipedo reauwe-bjuester: Lyts forhjnn' laey swiete muwlle, Goune póle, wjueckte wicht, Dear hy Phoebi strielle ont-schuwlle Onder beam'-schaed tjuester-ticht; Dol laey koker, boage, schicht', (Reauw' dear hy mey wircket) In hy kniep-eagge' ijnne sliep Restlijck, det er snircket. Freget men: is dit foltspoëzije, den siz ik: dy twa stiene do noch net saher fen ifioar of, mar groeiden nést en troch inoar op. Gysbert's ljeafdelyryk stiet op 'e grins. De Barsang twisken Aemaril en Goris giet de kinstlike kant op. en dochs is hja sa floatich: G. Goune Aemaril! A. Wol Goris! het 's er weer ijn til? G. Stae, blieuw', bout, hade' in bijtke stil. Hertse mijn bea. A. Dat sil wol dwaen dijn Galathea. G. Yn dy allinne' iz al myn free. Tóve' ey! A. Wier ney? G. Ney mey. A. 't Is my so wee naet yens om dy. G. Dan bliewste yzkald in stjoer, Al barnste my gleon as in fjoer. Hielendal arkadysk is Ljeafde Gjealpe. sa't bynammen ütkomt yn it twadde koepiet: For al mijn fryën, For al mijn dwaen, For al mijn pijn in smert', For al myn lyen, Tjienst, hert oer-jaen, Hert, win ick naet jon hert. Koe griente, beamte, raem, Ky, schiepkes, ey in laem, Koe fuwggelt, dijck aef daem, Jon hird hert weack-weackje 'ijn wiet, Ljeaf, if trienne om mijn fortriet Al het omtrint my kaem. Dit pastorale hat men ek yn Herders-ljeafde to Galathea: 't Wyt fen myn hert in sin Iz Galathaee. Ick bin; Trog her sniewijt, in wirdde Oon her, yn ljeafde, buwn': Ick kin 't fen her naet hirdde, Aef ick flamje' as in uwn'. In Pastorel is net minder Herdersnjue to Pales; Pales, puwckje fenne wrad, Mijn forhuwglijck herts begearen, By waem ick my lockig had Boppa kroan in preal fen Hearen Pales, pronckje fen it fjild, Dy forlit ik om nin jild. Men kin net üntstride, det de dichter hjir frijhwet stiet Onder 'e ynfloed fen it Klassicisme; allikemin, det er materiael fen 'e Hollanske poëten Onder 'e eagen hawn hat. Men kin wol in lystke opmeitsje fen fersrigels, dy't thüs binne to bringen by Roemer Visscher en Starter, by Hooft en Spieghel, by Huygens en Camphuysen, mar it wirdt by him dochs hwet eigens en yn dat eigene sit wer de wearde. Nea moat men forjitte, det dizze minnedichten allegearre minnesangen binne, det hja hearre by alde foltsmeldijen, det hja songen binne yn 'e staten en sietten fen it Fryske boerelan. Tjibbe Gearfs neamt Gysbert de Fryske „minstreel." En hy scil mei dat wird net fier fen 'e wierheid wêze. Gysbert scil faken frege wêze om mei syn sjongen en ïbardragen in gearset ef tóngeanne op to fleurjen. En sa wist er mei hert en müle, mei klank en dicht de moaijens fen 'e Fryske tonge mids syn folts to uterjen. By in ald Fryske brilloft hearde in minneliet fen Gysbert. Ho mannich jongfaem is mei sa'n liet nei it breidsbêd songen en dounse! En dat is net minder fen tapassing op de fiif gearspraken: 1. Friesche Tjerne, 2. Sjolle Kreamer in Tetke, 3. Nijzgierige Jolle in Haytse-Yem, 4. Reamer in Sape, 5. Egge in Wynering. Men kin dy grif biskögje as gelegenheidsstikken for boerebrilloften üt it Wytmarsumer tiidrek, dêr't de dichter seis in rölle yn hawn hat. Toanielstikjes mochten do net opfierd wirde, mar sokke petearen, öfwiksele mei sjongerij koenen troch de bügel. En hokker fortsjinste hat Gysbert dêryn? Dizze, det er masterhaftich de kinst forstiet om libbene bylden fen flêsk en bloed yn syn kinst to jaen. Hy is in great plastysk foltsdichter. Hwet ik dêrmei bidoel. kin ik it bést taljochtsje mei syn Hollansk fêrs Personele Vertoninge der vier getijden des jaers (Hulde, II. 130). De jiertiden komme dêr op as persoanen: it foarjier as' jongfaem, de simmer as helt, de hjerst as frou, de winter as in griiskop. en alle fjouwer wirde fen top ta teil ütboetsearre. Sa hat er yn e gearspraken Fryske figuren, typen, modellen jown. dy't men nea forjit as men se ienris goed sjoen hat. Dickens joech Ingelan de Pegottyfiguer. Selma Lagerlöf joech Sweden yn Gösta Berling de Majoarske. Gysbert joech üs Tjerne, it type fen e frije Fryske boer. dy't syn lanhearre oansprekt as „tsjitü en syn brilloftpraet haldt yn it foarname selskip sa frank as stie er op syn eigen hiem to praten. En den is der Godsfrjeon, it type fen 'e Fryske edelman, dy ünder Prins Mauritius meifocht by Nijpoart. jierrenlang allerlei steatsampten bitejinne en einlings him deljoech op syn alders siette yn it gea om dêr it swiet fen it lanlibben to genietsjen. En den is dêr de fromme Reamer. dy t eaut oan e takomst fen Fryslan. wylst Sape dêr oan wanhopet. Ik smch yette altiten üt nei" in Gysbert-edysje for üs folts. dêr't ien fen üs earste teikeners dizze ynfryske stalten ütbyldet. Hja libje tomin mids us. En dat is nammensto spitiger. öm't Gysbert yn syn petearen allerlei motiven forweve haC dy't noch aktueel binne. Gysbert is net inkel dichter en kinstner. mar ek paedagoog. Fryske Tsjerne forhearliket de houliksljeafde; Sjolle Kreamer en Tetke is in warskóging for in ünbiret houlik; Nysgierrige Jolle en Haytse-Yem jowt in leksum tsjin ütwrydskens yn stêd en gea; Reamer en Sape is in lofsang op frede. godsfrucht en deugd; Egge en Wynering i7in protest tsjin de heechkultuer fen it stêdslibben en in pleit for it libben op it lan. dat hjir op delkomt: O sillich, trye duwbeld sillich! Dy raestich, lustich, fredich, wilhcln Yn 't romme fjild syn libben leit; 't Giet boppe ien Kenings Majesteit 't Lan moat ik 't weardichste taschneue Dear wol ik libje, wenje in blieue, Sa lang my God dit libben scinst, In ik 't forlit om d' Hymmelwinst. Ik hald den fêst: Yn 't fjild is 't bést. TITELPRENT FEN IN HARrNGHOUCK-UTJEFTE As ik yette op ien byld üt Gysbert's wirk wize mei, den ia it fen de aldbeppe dy't op it Reaklif stiet to bidden for it wolwêzen fen Wif. hjar ynljeaf bernsbern. dy't mei in dolle holle it wyld aventür siket fen sé en frjemde lünnen. As hjar bea opgiet: Wol doch Hymmel! Wif ynplantsje, Dat hy him nei God moat kantsje, As hy thuws komt uwt it djiep, den is dizze Tsjeskmoar üs it byld fen Fryslan seis. Yn 'e gouden ieu. do't hjar krêft laei op 'e sé droech hja hjar bern, dy t om utens swalken, op 'e wjukken fen hjar ljeafde en gebet. Dizze bylden moasten üs folts foar eagen stean, like goed as de greate figuren üt 'e Bibelske skiednis. Binne hja net fen üs eigen flêsk en bloed? De Gysbert-petearen moasten lézen wirde yn üs gymnasia en heger-boargerskoallen, yn üs jongfeinteforienings en stüdzjeklubs. De jongerein moast se foardrage op feesten. Hja moasten miengüd wirde oeral dêr't Friezen wenje. Den krije wy wer oansluting oan de greate tiden. do't de Friezennamme klank hie oan alle iggen fen 'e oséaen. en oan 'e Fryske foltssiele. dy't him yn in man as master Gysbert sa suver wearkeatst. det hy der it symboal fen wêze kin. Troch in frij. iepen wêzen heinde hy it spegelbyld fen it Fryske formidden op en sa is syn Fryske Rymlenje in skatkeamer wirden fen aldfryske foltseigenens. In great forskaet fen dingen üt it maetskiplik en hüslik libben yn 'e 17e ieu leit der bleat Wol men witte fen frijen en trouwen, fen iten en drinken, fen küpjen en fjuchtsjen. fen lillepiip en knottedoek, fen merken en famme- en feintebounen. fen nokken en oansprekfoarmen. hjir hat men de folie han. For de stüdzje fen it Fryske aerd en wêzen. fen Fryske sede en sköging is Gysbert boppe miette wichtich. • Rispmoanne fen it jier 1637 kaem master wer yn Boalsert en troude mei Sijke Salves. De bineaming oan 'e skoalle fen syn bertestêd wier it biwiis ho heech er oanskreaun stie. Syn namme hie klank. De earste ütjowers en learaers fen Fryslan rekkenen it in eare syn frjeon to wêzen en in fers fen him to krijen yn hjar wirk ef album. Dêr wier Hero Galama, de Harnser edelmanboekprinter. ütjower fen Jan de Brune's Wetsteen der vernuften (1661. 1665. 1668 en 1672). op hwaens grêf foar e Harnser toer de rigels steane: De printer Galama ta rêst forkeas dit gté Hy ljeave frijheid, kinst, gerjuchtigens en fré! Dêr wier de Menniste ljeafdepreker Hendrik Rintjes, boekprinter yn 'e Peperstrjitte to Ljouwert, dichter fen Gedachten op den jongsten dag (1681), ütjower fen De nieuwe Vestingbouw fen Menno baron Coehoorn (1685) en fen Klioos Kraam (1656) en De Getrouwe Harder (1669). Dêr wier ek de heechsteande Boalserter printer Samuel fen Haringhouk, dy't prachtkwartijnen fen Ingelske Srichtlike lektuer, de iene nei de oare yn fortaling ünder üs folts brocht. En as fjirde printer yn it boun syn wirdige frjeon Claude Fontaine to Ljouwert, in Franskman, üt Parys, dichter en fortaler, hwaens wirk pronkstikken binne fen Fryske boekprintkinst. En dêr komme den yette by de learaers Sixtus Brunsveld fen 'e Jouwer (letter to Snits (1668), Harns (1673) en Ljouwert (1677), dy't him syn fersen foarlies (17 Febr. 1655). Nollius Hajonides to Boalsert, fortaler fen Uytgeleesen Engelsche Boetpredikatiën voor 't Parlament van Engellant gedaen. in kwartijn fen sa'n tüzen blêdsiden; Henricus Daventreus to Tsjerkgaest, Jouwer, Boalsert en Ljouwert, in tige biwittenskippe man. dy't in goed Latynsk fers meitsje koe; de ierforstoarne Petrus Geestdorp yn Itens, ien fen Gysbert's greatste spitsen. En net to forjitten syn greate stalke, Fryslan's stoarjeskriuwer Simon Abbes Gabbema, dy't er neamde „de stypb'alke fen myn rymfaem," hwaens fers Op 't Hoarz-hoffenjen fen jieffer Sibilla fen Jongstal er yn it Frysk fortsjinstlik oersette. Twa greate moetingen hawwe yn dit dichterlibben in djippe sneed makke, n.1. fen it ivich Wêzen en fen 'e tüke baenbrekker fen 'e Germaenske taelwittenskip Franciscus Junius. Gysbert hat God kennen leard, de God fen David. fen Jesaja, de Hillige, de God fen Sinaïs wet. Do learde er ek himsels kennen en de grounfout fen syn libben. Hwet dat sizze wol wirdt iepenbier üt dit De profundis: Ick earme' onsill'ge minsce! 'k hab miadien, Jin 'e Himel in njunke ierd, hwer scil ik hinne? Hwer scil ik taflecht help ef treast birinne? Hwa fyn ik mei myn Jammresteat bigien? 'k Doar mei myn each, och! de Himel net oansjen, Oermits ik 't Himelhaed hjitfolge as tergre Mei soune op soun, dy stjonke foar Syn troan, d' Ierd lyt me ek net, dy haw ik t' oerlilk ergre. 3> E GE, TROUWE HARDÉR, VerMaeringe, Beveftroge r. ende Toeeygemnge' der woorden PA.UXI ^.tófcr. iXX . v002t ttvjyiv &emevrHzio£ \ BOLS W~ A X 3>. EGBAH.TS KXamU - TITELPRENT FEN IN HENDRIK RINTTES-LTTTEFTE Hwer duwkje 'k den oerskül? hwer fyn ik hoal? Scil wanhoop m' yn fortwyfle moarddobb' stirte? Myn ivich wol oan liif en siel bikirte? Ooe God, bihald my for dy helske boal! 'k Wol God, dy 'n oermyld sillichmeitser is, In foetfal dwaen. Hy scil myn taflecht wêze, Hy scil 't jinge Hy seis skoep nei ein byldnis, 't Paedbjuster skiep rjuchtstjüre en sielgenêze. Ljeaf', trou, goe God! ik wol yn djippe ootmoed Mysels oertsjügd, biskildigje en fordomme, Ho rea biskamme, eachtrienjend ta Jo komme, Ta Jo, forsleine hertne treast en haed. Mar och! hwet iepene yngong hwet oanfang Fyn ik, dy't each net opdwaen doar? Myn trienwiet, Myn need, myn hert forbritsen, weak en bang, Stirt ik foar üt. Dit is gjin oersetting, gjin neifolging, mar in bikearingsgjalp üt eigen djippe sieledjipten, lyk as by de profeet: Wé my, ik forgean! Hwent myn eagen hawwe de Kening, de Heare Zebaoth sjoen! (Jes. 6: 5). Dat wier de öfgroun, mar ek de frijmeitsing, de formoedsoening, de hillichmeitsing. Hark dizze bea ta de Sillichmeitser: Myn herder, haed, hoal, sielbiweitser, Boarch, losjild, Hear, God, Sillichmeitser, Dy de Al stalfoarme, klaeide en makke, Oan 't Krus, bleat, neaken spaike, tütrekke, Bibiet, bispein, trochneile en woune, Lealiljend hinget om myn soune. Hjir stiet boal, rakker, gütsoldaet, tros, ■ Skodd', reisger, Janrab en syn maet los; Hjir prealet pryster en Lewite, Dy d' holle skodzje en skomtosk bite, Ja helsk fenine-galle ütgjelpe: ,Fij! oar' ljue help! dy seis nou helpje. Kom del fen 't flokhout, dat wy 't kinne Of God dy ljeaft as Soan, yn minne. Hjir djoeit de deale yn geane ütlitten, En hat de Alfjuchrwinsk weanbisitten, En hat Gods Soan, ja 't libben selme Yn deads griis grêftutgjalp oerwalme. O Jezus! dy't 'k dos, jammre oanskögje, En loaitsje op oare; och Hear, ik drógjel Bodders yn 'e Fryske Striid 16 Lük my genamyld de eagen iepen, My kaltsjende op üt 't sounbedsliepen Opdet ik merkje ho 'k seis foaroan tsjea, Ën mei fül soune, as ta Jou han stea. O allerdildichst Godslaem reitsje Myn hert en geast, o kom, formeitsje, Forstalje ek myn (och yn dizze ure) As 't moardners hert, ta 'n nij kretüre, Opdet Jou Geast myn ynboarst seit swiet: Hjoed haw Ik ta dyn sillichheid, hiet Gods hjitne ütdompe en d' hel forbüke Hjoed scil Ik dy ta My ynn' hymm'1 oplüke. Gysbert gie troch de inge poarte fen it genedelibben. Do sykhelle er yn in oare loft. It baernde noch yn 'e siel, mar fen oar fjür. It wier dien mei it boartlik minneliet. Him fortarde in langstme nei geruchtigens en it rüzde fen syn spylark: O wier ik, nei ik winskje, in minske! Ik winske oars as ik eren winske. Ik koe oars as ik eren koe, Ik wanle oars as ik eren wanle, Ik hanle oars as ik eren hanle, Ik die oars as ik eren die, Ik lie oars as ik eren lie, 'k Petearre oars ik er'n petearre, 'k Bijearre oars as ik er'n bijearre. O God, ik wier al yn dizz' ür' Nij, mei Gods byld werbern kretür, Fol geast'-glans'-himelsillich fjür. It ho fen dizze bikearingswei scil wol in geheim bliuwe, sa't ek it weefsel fen Gysbert's persoanlikheid in geheim for üs is. Dit mei men lykwols oannimme, det in djipper ynsjuch yn 'e Hillige Skrift en in swier hüskrüs as talieding ta it nije libben tsjinne hawwe. En üt eltse, rigel, dy't er skreau. sprekt in man dy't net hüldde fen heale dingen. It fjür slacht üt syn opsteapele wirden, üt syn roppen en kleijen en jubeljen. It koe net ütbliuwe eft dit djiplibjend Godsbern moast syn ynlikst werhne yn it psalmboek en as dichter moast er it omdichtsje yn it Frysk. Nou krige Fryske Tjerne in pendant yn 'e Fryske Herder, dy't er opdroech oan Claude Fonteyne. De herder hie de namme fen Godsfrjeon. deselde as yn Egge en Wynering. It moat Jhr. Idzert fen Groustins Hy wist, det de Fryske Kalvinisten in each yn it seil hienen. It is in ütmakke saek, det Junius yn bywêzen fen Gysbert öfskriften nomd hat fen syn gedichten, hwent ünder 'e manuskripten yn Oxford is, it liet oan Wobbelke, in autograef. En op itselde pompierke hat Gysbert wer yn it Frysk en Nederlansk de nammen skreaun fen 'e dagen, wylst fen Junius' han wer binne de telwirden. Den binne der ek forskate pompierkes, dy't forklearringen bifetsje fen Baardts' Boereprognostikatie, en Gysbert's Petearen. Dizze ütlizzings hat Gysbert seis oan Junius diktearre en binne fen greate weardije. J. H. Halbertsma hat er yn syn Letterkundige Naoogst al winst mei dien, mar der kin noch folie mear profyt üt helle wirde. Junius rekke nou ek yn bisit fen alderlei Fryske skriften, dy't men forgees yn üs boekerijen siket, bygelyks: de Boereprognostikatie fen Petrus Baardt (Leeuw. 1640); Oude Friesche spreeckwoorden. Gelyck die selve huyden daegs by haer, in haer eyghen Vaderlant gebruyckt ende gesproken worden, bij die Letter A, B, C, ghestelt. Tot Franeker, ghedruckt by Vlderick Balck, Ordinaris Lantschaps Boeckdrucker, Anno 1641 (96 bl.) Junius hat der in bulte foroarings yn oanbrocht; Frijscke Gaer-Spraeck fen ien Moer mey het Man eele Dochter (1639); Gaerspraeck fen twaa Frijscke Huwslioe, Woutir in Tialle, Anno 1639 (aldere printinge fen .1609, Jongere fen 1714); aparte ütjefte fen Fryske Tjerne printe by Claude Fonteyne, 1640. Binammen de Gysbertmanuskripten binne fen it heechste bilang, om't de tekst hwet de stavering oanbilanget frijhwet fen 'e printe ütjeften öfwykt, ek fen de aids te (Boalsert 1668). Do't Gerard Vossius yn 1649 forstoar, seach Junius him needsake earst Amsterdam en létter den Haech ta wenplak to kiezen, dêr't er syn tael- en letterkindige stüdzjes foartsette. Yn Sept. 1661 forwachte er fen Janus Vlitius ef fen Simen Gabbema in edysje fen 'e Fryske Wetten en hy stelde him foar, dy to fortalen yn it Ingelsk, dy fortaling printsje to litten en den in eksemplaer to stjüren oan syn Ingelske frjeon Sir William Dugdale dy't ek oan Fryske stüdzje die. Syn libbensjoun hat er trochbrocht yn Oxford by syn skatrike en gelearde neef Izaak Vossius yn Windsor, dêr't er Nov. 1677 forstoar, nei't er syn wittenskiplike skriften en syn manuskripten formakke hie oan 'e Bodleyaenske bibleteek fen Oxford. Yn dy koUcksjc binne ek de bliken, det er him ütlaei op Fryske lexicografy. For syn Dictionarium-Saxinico-Latinum-Anglicum hat er in lyBt fen Fryske wir¬ den opsteld en de opmerkings dy't er dêr oan tafoege, fortsjinje noutiids noch in aparte ütjefte. It leit büten myn bistek to biskriuwen hwet er dien hat for de Angelsaksyske en Gothyske taelstüdzje. Der scoe noch in bulte to sizzen wêze oer syn ütjefte fen de Caedmon, in dichterlike parafrase fen it boek Genesis üt 'e 10e ieu (Amsterdam 1654), fen 'e Gothyske Evangeeljenoersetting nei de forneamde Codex argenteus, dy't Isaak Vossius üt 'e bibleteek fen Keningin Christina fen Sweden krige hie (Dordr. 1665). FRANCISCUS JUNIUS Mar dit giet to her üt 'e koers. Junius socht de Onderlinge sibbens fen 'e Germaenske talen en hat for 'e forlykjende taelwittenskip wichtich wirk levere. Fen de Fryske filology is hy ien fen de greate baenbrekkers. De witnis fen dizze taelman hat Gysbert ta in yngeand ündersiik brocht fen Frysk taeleigen. grammatika, dialekten en stavering. Men moat nea net forjitte. det us tael dotiids noch gjin fêste boekstoaijinge hie en yn 'e foltsmüle libbe mei in swiid forskaet fen gea-spraken. Ho hjar üt to byldzjen yn hjar twa- en trijelüden? Ho de klankbügingen wer to jaen? Hokker kar to dwaen üt de dialektfoarmen? Hwet scil it wêze: pea. paee. patke. paetke. paeij. paik? Dr. Isaak de Schepper, grytman fen Achtkarspelen (1677-88) skreau nei wierheid yn 'e Gabbema-ütjefte fen 'e Rymlerije (1681) dizze fersrigels: Niemand, die haar lettergrepen Die haar spelding recht verstond, In dees dikke duisternissen Stelt zich Gijsbert Jacobs Zoon, Om haar helder op to friszen Oppermeesterlik ten toon. Speurt hij op haar grijze reeg'len Door een scherp-gespitsten geest, Of die reeg'len gaat verzeeg'len, Beide schaft hij, schoe en leest. En Rinse Posthumus sei Ünforbetterlik yn 'e Hulde aan Gysbert Japiks (1824): O hy stalforme uwz teall In azze daey In klijnne-klonf koe hy her trieuwe in knetje! Sa is it. Gysbert is de stalfoarmer fen üs Fryske sprake op grammatikael gebiét wirden troch de ynfloed fen Junius. Do't dizze de dichter opsocht en öfskriften naem fen syn wirk, hie Gysbert syn stavering noch hielendal net fêstige, sa't üt 'e ünrigelmiettigens fen 'e Juniana óp to meitsjen is. Mar sont is er bigoun to fyljen en to slypjen, en do't er einlings, nei allerlei prikken yn 't wirk steld to hawwen, safier komd wier, det er syn Rymlerije persré makke hie, bitsjüge er yette o sa dimmen yn in Foarwird, tytle Bericht voor den nauwkeurigen Nederlander, dat in lytse klanklear bifettet: My belangende, soeck mijn grijze moeder- ja beste moeder-tael in soodanige letter-beelden te bekleeden en beklemmen, datse een letter-kundigen on-Frieze zal konnen (so waen ick) lezen. Ja! daer na heb ick geploegh ende gepooght als Icarus na 't wieck-wispelen ende Phaëton na 't Karremennen. Dit skreau er 4 Juli 1655. En yn it Foarwird fen 'e earste printinge, ,,D'Authöre to dy lezer," lit er him sa üt: Ljeafd'-wirddige Lanz-ljue, ruwne Friezen, gol-hertige lezzers in sjongers! so 'er immen aet, aef hette, fijnt to leckjen in to birispjen, oon-geande uwz letter-spealdinge aef boek-stoyinge (dear ijn wy uwz salme naet foldwaen kinne) aef oarz hette: wy scille goemoeds wezze dat. petear to herckjen; mar az'er immen, for it yensken trognoaze in oerkóge to habben, oonkomt meye fuwlle Jerre-pin fen Momus, om alle dwaen oer to kliemjen, in to bigriemjen; dy schil it biljeafje, az hij it alle gearre, meye schern-stirt, beslingere het dat him jinstiet, uwz eack to-komme to litten. dat im wol-beheaget in better tinckt; dat wy reys lóytse mogge, aeft'er so nolck in ljeap iz ijn 't bouwjen, timmerjen in op-rjuechten, as ijn 't aef-brecken wirk-scheijnjen, om-schoerren in for-woestjen: aef it lock to-sloeg dat er in tredde koam, dy uwt it mizgrijpjen fen uwz twaën, twissche twijn, *t ljeacht in folmecker wirck oan-bea, to eare fen uwz Friesche tonge, dy me 't onrjuechte beschildget, dat me him mey nin lett'ren uwt-bijldje schoe kinne. Sofolle tocht my rie to sizzen, mey winsch in wad fen lock, seijn' in wolfeart-ginste. Wy halde Gysbert hjir oan syn eigen wirden. Hy forliket de taelstüdzje mei it wirk fen in timmerman en in mitselder. Nou. hysels is sa'n boumaster fen üs tael. Hy smiet it tinkbyld her wei, det de Fryske sprake net üt to byldzjen wêze scoe. Hy tanke yn in brief syn frjeon Gabbema, det dy him de klearebare biwizen fen it tsjindiel stjürd hie yn trije hanskriften: 1° Quaedam ad Grammaticam spectantia linguam Phrysicam (pl.m. 1530). 2° Fragmentum de Literis Frisicis (yn 8 haedstikken), 3° Specimen antiquae linguae Frisonicae. bisteande yn Dae Leowerdera Bota mei hiara omlanden. En den skriuwt er. det it him in swiete tiidkoarting wêze scoe dat ald Fryske taelwirk ris togearre nei to gean. Fierders hat er it oer 'e ütspraek fen th en d. Party halde Junius for de skriuwer fen dat Fragmentum de Literis Frisicis. lyk as A. Telting (Bowring's Brieven, bl. 28), party Gabbema, lyk as de Haan Hettema (Rask Sprochleare, bl. XXXVII), mar der is gjin inkel biwiis for. It stik liket alder. Men mei grif oannimme. det Gysbert jierren neitocht hat oer de stavering en dy neigeraden bisocht to forbetterjen. det er ek alle dialekten brükte om de tael to forrykjen. al heart men by him yn it generael it Südhoekster idioom. De dichter mocht syn stavering mislearre achtsje. de ütkomst wier. det yn it hiele Midfryske tijdrek hy de phonetyske transkripsje it troust fen allegearre folhaldde. As Eelke Meinderts, de dichter fen It Libben fen Aagtjen Ysbrandts (1779) it hat oer „de aodwraodske spelling." den is dat Gysbert sinen. En as yn 1734 Simen Althuysen in feestsang ütjowt en dêr in eigen stavering yn folget, bringt er dit gedicht dochs wer yn 'e Gysbert-spelling oer om it sa yn it oare dichtwirk opnimme to litten. Earst mei J. H. Halbertsma komt it mei de Fryske stavering yn it twadde tiidrek. Men heart it Südhoeks yn maest for meast, naet for net, dol for del. bod for bêd. moarnljecht for moarnljeacht, trieuw for trieouw, Snjuens for Snjeons. Yn 'e tekst is düdlik forskaet fen dialekt waer to nimmen. Hy wikselt striette öf mei stritte, aest mei east. Yn syn brieven neamt er doayter Hynljippers, mar hy hat hielendal gjin biswier yn Psalm 97 to dich tsjen: Dy Godd'sill'g Frouwne-raeye, Fen Judae doayt'ren, baeye, Ynn' hymmelsch' swieterny. Bilangjende de Fryske dialektkinde stiet de Gysbertstüdzje amper oan it bigjin. Dit mei yen nammensto mear bisouwe, om't de krekte weardearringe fen 'e dichter yn flnlosmeitsber forban stiet mei it hifkjen fen syn tael. Scil it ta it léste komme, den moatte de Juniana to Oxford earst üt 'e pin ündersocht wirde. De Epkemaütjefte kin dêrfor allerminst foldwaen, en al is it wirdboek dêrop in great gemak, it is en bliuwt it wirk fen in opperman, net fen in mitselder. It teare wirk fen in krityske standert-edysje wier him net tabitroud. Hy striek de „varianten" glêd, en krekt dy „variante" stavering is fen it heechste bilang for de dialektstüdzje. Gysbert's wide eachweiding as Frysk taelkenner strielet net minder üt yn syn fortaelwirk. Men moat wol tinke oan it mearke fen Yeskepüster, dy't it allerleechste plak krige, mar troch hjar deugd en skientme in keningssoan woun. It Frysk wier as kultuertael ynskromfele ta boerehiem en almenak, mar troch Gysbert kaem hja as in prinsesse to foarskyn mei stjerbisiedde mantel, yn brede tearen hjar oer it skouder hingjend, steatlik, sierlik. It Frysk as letterkindige tael riist by Gysbert üt it neat, en nimt it plak yn njunken de tael fen Corneille, Boileau en Fénélon. Ik lit 'hjir folgje in fragmint üt de ljeafdeskiednis: Paris forlittende Enone, dy't Gysbert üt it Fransk oersette. Enone klaget: Wol-oon, wól-oon smerten forgreatje sonder ophaden. Suchtjen stoytje naet; jiemme, trienen,. sille nae fordroye, in eynlinge, jiemme, straffen in pijnnen dy ick ly, az' er aef greats oon jiemme wezzen ontbreekt, nim it firddig, op dat in ljeaf oer-lyen myn ljuecht uwtbliezet. Droane kerssen, dy mijn nachten forljuechtsje, wirdde jiemme naet wirgh fen jimme illinde to sjean? mecket jiemme it bleackerende eagmerck.fen mijn ongelock naet blijn? het baet it jiemme dat jieme de dey, oermits hy foar jieme naet blierket, sjeane. Forjitte jiemme Tjuecht gebruwek den om dat fen jiemme trienen to forfolgjen; in det da deade jiemme naet stearren, stearre trogh jiemme eyn wapenen: fodrinsse mijn foerflammen ijlfjimme wetteren; forfirddigje mijn schipbreck, opdat ick jiemme foriern habbende, forgongh. In bctter slagge oersetting joech er fen in oare „histoire amoureuse" n.1. Dorilis en Cleonice. It Frysk stiet stevich op 'e skonken as Cleonice bitsjüget, det de ljeafde hjar oermênsk wirden is: Frieffche T J E R N E, Croöö ten / ijn-fierD / aaö / ajoecöt/ tett- 45ear -3Iefte fen fijn Haan - #ere toom. Ctyttaucfct tot HmiuiarDen / bn ciaude Fonteync , (©jDmarijg! ïanötfchapsi-^jHchct / tananeidK in be «t3?oote $wth-flraet. anno 1640. . TTTELBLÊD FEN FRYSKE TJERNE Allinckom begoe mijn bloed to forwarmjen, in mijn hertsdrieuwende oonfjuechtinge mijn besluwt oerwjealdige habbende, die my eynlinge, onder de wetten der ljeafde buwgjen, in betjuwgjen dat minsche krêften to naetig binne om uwz jin de on-ontwraegsfljinde drieuwinge fen dy Twing-hert, dy sijn rolle ijnne hijmmel in oppe yerde spijllet, to kantjen. 'k Wier lange tijd onrestig-fjuechtende ijn mijn moed, om dizze sjochte to oer-kreftigjen, mijn goune frijdomme it jock fen dizze Tyraen naet wollende oerjaen: in forfolgjende, howol de lustpricke ijn mijn siel ergerlijcke flamme oon-wisppe, ick domppe in smoarre de maestendeel fen mijn ijnfallen, so ringen az-se berne wierne, in trachtte ijn 't ringenste naet blijekje to littene, dat ick fenne ljeafde recke wier, uwt oorsaeke dat ick jiette lijts to fore so greate forsijekeringe fen mijn moeds stantheftigheyt juwne hie. Mar sont ick jo ijn Junos Timpel saeg, field' ick socken omrieringe tommeljen ijn mijn binne-borst, dy my 't mom-aensichte aefteag, in loft for mijn njuedrieuwingen joeg, dy ick to daer oon to so near in struys betwingd hie: mar boppe al, beloaytsende dat de hijmmel jon saeck oonnoam, in 't fornimmen fen jon deafijnnen britsene hie, besleat ick (het it aeck kostje moacht) mijn winsche to fornoeyene, in jo uwt jon illinde to forlosjen, my ijnbijldende dat Jo uwt de finzehisse to lieden, wier my 't ontlestigjen fen de kettingkeaten, dear jon schienheyten my so near yn bislettene hoaldene: wier ijn me, so wol mijn trouwe ljeafde, az mijn greatmoedig bestean aefmiette kin. Alle gedurigen kin men yn 'e fortaelde tekst merkbite, det de oersetter sa sekuer as it dwaenhx' is in aequivalent siket fen 'e Wirden. Mient er mei ien net ta to kinnen, den nimt er twa synonymen, lyk as boppesteand ketting-keaten, en sa hat er: schins-jeften, ijdel-naetig, eer-prealle, smaed-huynjen ensfh. Syn greatste en wichtichste forfrysking is dy fen Excellent Discours de la Vie et de la Mort (1577), dy't nou tytle waerd Yen suwnerlinge forhanlinge fen it Libben in fenne Deade. Eearen ijn it Fransch beschreauwn, in macke trog Flippes fen Mornay, rjuecht trogloftig Fransch Edelman. Dizze steatsman fen kening Hindrik fen Navarre, dy't de bynamme hie fen Hugenoatepaus, wier net sünder ynfloed op it Edikt fen Nantes en oan him wirdt ek taskreaun it traktaet Vindicae contra tyrannos, dêr't üs affaers hjar jerne op biröpen om hjar striid tsjin Philips to wettig jen. Halbertsma hat yn syn Hulde (dl. II, bl. 1 — 125) de Franske neffens de Fryske tekst opnommen. Ik nim der in priuwke üt oer: Yen Kerstne beheart mey njue uwt dit libben to schieden, in naet mey aengstme dear uwt to fluchtjen. Yen Kerstne iz fen God ordenearre om ijn dit libben to strijdjen, hy mey sijn rijgge (gelid) sonder schanne in opspreckinge naet forlitte; mar so him dizze greate Haedman beljeaft 'er uwt to roppen, dat hy den mey yen frij gemoed gehoarsamje, in de aef-tochte ijn tanck nim. Want yen Kerstne iz naet bern, om him salme, mar om Goade to libbjen. Hy het sijn libben fen God az ijn hiere, om it selle to besitten so lang Bodders yn 'e Fryske Striid 17 az it him beljeaft, in om him dear mey to tjienjen. De egener mey 'im dat benimme az 't him beljeaft, mar de brukcker mey 't naet forlitte az t mm to passé komt. Stear y jong, tanckje 'er God for, allyck in schipper dy trog yen kieljende forewijn ringen ijnne behadne havne kofnn iz. Stear y aed, tanckjè him lijckewol, want hab y hette min wijn in kieltme hand, müwhck hab y aeck socke haege wetter-waegen naet field. Dearom ondertfcze naet om jo to spoedjen aef to fortóavjen ney jon yen goe-tincken, want y habbe de wijn naet ijn jon mouwe, in y schoene wol licht meytse dat y (ijnne pleatse fenne havne to foroerjen) schipbreck leye scoene. Ek yn 'e oersetting fen it Discours nimt men mear as ien geaspraek waer. b.g. op bl. 99 stiet yn ien sin: it tredde n deeleinientroddeperte. It Hynljyps lit him sterk jilde. b.g. malade (sjeack. bl. 45), au sommet des Alpes (op 't haegste fenn 'e Alpische sniebergen). Ik forklearje it hjirüt: Boalsert is in grinsstêd twisken Lan- en Sé- ef'Südhoeks Frysk. It léste lykwols hat de oerhan by Gysbert. Sa komt men wirden tsjin dy't men forslite scoe for klearebare Hollandismen lyk as f o r a n d e r j e for for oar je, mar dy de Südhoekers brüke. Ek nimt men yn syn oersetting de ynfloed waer fen 'e Fryske wetten. Hy brükt trochgeans as genitivus pluralis der. bygelyks: Scille wy om onmiettige hertdriften to formyen, uwz fenn' mennigte der redelycke cretuwren aefschiede? (Hulde II, 65). Op bl. 67, 101 en 105 stiet it better stavere, n.1. dear. Yn 'e foltsmüle komt dy genitivus net foar. Fen ünfryske wirden lyk as n i n s i n z (geenszins) en s 1 j u e c h t s (slechts) eanget er ek net. Om sa krekt mülk en dochs ek wer frij to fortalen, lit er syn hiel taelpurisme farre en fortolket er: „Nous abandonnons nos vies aux hazards ordinaires de la guerre pour sept francs" mei: „Wy prycketearje uwz libben ynn' e bloedwouweljende tuwt fenn' e öarlöage om san heamsken söalts deis. Ta einbislüt moatte Gysbert's fortsjinsten as briefskriuwer yn bitinsen nomd wirde. It Fryske brief wier smoard yn it san fen 'e frjemdsin. Offisieelamptlik en privaet skreau men Latyn ef Leechlansk. Gysbert briek dêrmei. Syn heitelanske fieling waerd him to mansk en hy waerd de skepper fen it nije Fryske brieveforkear. Ik siz de skepper. Der wier neat ta oansluting, gjin tradysje, gjin foarm, gjin foarbyld. sadet it korpus epistolarum fen 25 brieven, dat er Gabbema skreau yn 1654-61 en yn 'e twadde ütjefte fen 'e Rymlerije op- nomd is, in nije iepenbiering fen Frysk libben neamd wirde mei. Anstons slacht er for master op. Hjir is it model fen it Fryske brief: saeklik, koart, gjin ünnatuer, gjin hege kompleminten, gjin lykfoarmigens. En as it brief in graedmietter wêze kin fen immens biskaving, den stiet Gysbert op in heech kultureel peil. Hy hat, sünder to forfallen ta stivens en in fêst bistek, in wolforsoarge styl en it goedoerwoegen wird. Ho lokkich, sljuchtwei en ynfrysk is de oanspraek Greate Stalcke. Hokker forskaet is der yn it ünderskrift: Jon Ed. Hextsfrjuene, Jon Eerwjradige Edelheyts oerboadigste tsjienner, Jon E aldergolhertigste tjienner, Jon altijd ijn frjuenschip oanwaegsjende hiet-genegene tsjienner ensfh. Ek de datum hat in Fryske foarm: Boalsert dizze njueggende Maerte-dey CO 1DC LX1 ef de foarste fenne Wintermoanne CID IDC LX ef de sande fenne Maey- aef Blomme-moanne CIDI3CLV. Né, dizze brieven binne üs gjin kalde, forgiele blêdden, mar libbene dokuminten fen in gleon Friezenhert, dat himsels wêze wol yn syn hiele wêzen. Fen 'e ynderlike kant bisjoen mei dit briefmateriael üs tsjinfalle en in bytsje boustoffe jaen for in better forstean fen dizze dichtersiel, for de chronology fen syn wirk is it allerwichtichst en as died in nasjonael monumint. Noch sa'n pear ieuwen moasten forrinne, foar en alear Friezen mei Friezen wer brieveforkear hienen yn 'e memmetael. Seis de Wassenberghers en de Halbertsma's draeiden dêrfor op. It bliuwt de ünforgonklike eare fen Tiede Dykstra, Harmen Sytstra en J. fen Loon, de stifters fen it Selskip yn 1844, det hja de tried fen master Gysbert yn hjar briefwiksel wer opnamen. Gabbema mocht mei rjucht yn it foarwird fen syn Gysbert-edysje skriuwe: „dat het de onvermoeide onderzoeker der Friesche moederspraak Mr. G. J. in onze dagen belieft syn uyterste vlijt aan te wenden om de vervallen glans derzelve op te klaren, niet alleen in zijn psalmen en wereldsche gedichten maar ook in het rijmloos." Dy glans scil nea net ündergean. Mei de Boalserter master moat op elts gebiet fen it Fryske taellibben rekken halden wirde. Hy is de greate, geniale paedwizer. Om ien foarbyld to nimmen. Pinkster 1908 waerd it Kristlik Selskip for Fr. tael en skriftekennisse stifte. As de dei fen jister mei it my tinke, ho't wy dêr debattearren oer 'e fraech eft men God oansprekke scoe mei j o ef mei d ü. In lyksoartige fraech waerd ek bihanle yn 'e 12e sitting fen 'e Dordtske Synode 24 Nov. 1618. AUTOGRAEF FEN GYSBERT YN OXFORD Twa Friezen bistrieden do inoar bilangjende it gij ef dü yn 'e Steatenoersetting fen 'e Bibel. Prefester Lubbertus fen Frentsjer sei du, dat wier mear de „tale Kanaans," ds. Bogerman, de foarsitter, mear foarütstribjend woe gij. Ds. Huismans, de foarsitter fen it Kristlik Selskip pleite yn 1908 yn oansluting by Bogerman en Gysbert for jo. De Free-bea bigjint: Is 't Jón wolbehagen. Gods uwz treasts, ijn ljeaf, ijn leed. It slot fen de Juwn-bede is: Holp' dat uwz dwaen in liften, to Jon eare, Wol wirt rej eare. It Lof-gesjong fen Symion set yn: Nu lit Y Heer ijn free Ión Tjienner de' yerdsche stee Forlitte, ney Ión sizzen. Dêrom moat men yen wol bitinke om dizze wol-biankere tradysje farwol to sizzen en lyk as Folkertsma yn syn oersetting fen Augustinus' Confessiones (Tiidskrift De Holder, 1926, I, 18) it Ivich Wêzen oan to sprekken mei dü. Troch mear yngeande Gysbert-stüdzje fait der yette folie mear op to ikkerjen ta bate fen it Fryske wêzen. Hy is in grounlizzer en eltse boumaster hat mei de founeminten rekken to halden. Hjerstmoanne 1666 stoar Fryslans greatste dichter. It forlies fen hwet him ljeaf op ierde wier, hie mear as ienris syn sjongster stilmakke. Ek hie syn soan Salves, dêr't in stek los oan wier, him op it herte trape mei syn slampampen. Jhr. Watzo Frans fen Camminga, dy't op Heremahüs yn Boalsert wenne en frijhear fen Amelan wier, wist Salves üt 'e wei to krijen as dokter op it Amelan, mar it wrügjen fen „in iennichst soan en dy bidoarn" bleau. Lykwols hied er yn syn dizige libbensjoun de krüch om syn Rymlerije persré to meitsjên. De ütjefte hat er net mear bilibbe, mar syn frjeon Haringhouk stifte twa jier neitiid him dy earepylder (1668). Dizze Boalserter ütjefte is oant nou ta de béste. De oarde printinge fen Gabbema (1681) hat frijhwet haters. De saneamde Frentsjerter ütjefte fen 1684 is deselde as de Ljouwter, dêr't allinnich in oare titel foar kaem. Do folge Epkema yn 1821, mei opdracht oan Jhr. L Aebinga fen Humalda en in wird boek (1824). Hy tsjüget yn 'e opdracht: Y sille den hoasck-mijld oonfirdd'ge Dizz' tredde Druwck dear Rymlery; Dit klienvat mey goe njue gewirddgje In lezze, al oon in oon, op ny. 't Wier neyst' by ijn forjit'niss' recke: Dit die my oon: 'k noom 't bije han, Hab ick 't weer lez- in sjongber mecke, 'k Wier 't schildig oon mijn Faderlan. TERP WIARDA-STATE YN GOUTUM Mar dit lêzber meitsjen wier net yn alle opsichten in forbettering. It kritysk wirk fen dizze ütjefte is swak. Waling Dykstra, dy't yn 1853 mei bihelp fen Tiede Dykstra for syn ütjefte de Halbertsma-stavering folge, hat allikemin oan reedlike easken biandere. De nije printinge. dy't Kalma biwirket, nimt lokkich de Haringhoukprintinge wer ta grounslach mei to rie gean fen *e Juniana. Elts nij Friezeskaei moat wer freegje nei dit kostber erfskip üt 'e gouden ieu. De Friezenheid wier to lyts, it Friezendom to swak om greater talinten as hy foart to bringen, mar de draechkrêft fen 'e Boalserter master bliuwt einleas. Oan stille forearders hat it den ek nea net mankearre. Yn 'e Provinsiale bibletheek is in eksemplaer fen 'e earste Gysbert-ütjefte, dat Huygens presint krige fen Jhr. Nehemia Vegilin van Claerbergen (1675). Dizze Fryske edelman joech in oar eksemplaer. dat yn 'e Leidske bibleteek is, oan Mr. Pieter Boddaert mei dit rymke fen syn han op it skutblêd to lien: GREATE STALCKE. Ik stjoer myn Friesche Gysbert mey In siz trog herre jou gindey: 't Is tuwjl, 't is wittenschip, 't is kinst Det hy oon syne lansljoe schinst Dat y 't mey njüe lezze ik bejaer. Seyn my fen jou digt hette weer In onnerhad jou frjeunlykheid Dy njeunke my hergrüntlyk leyt Jou towirdige tjenner N. V. v. C. Fen Jhr. Sixma op Wiarda-State to Goutum is it bikend, det er eltse joun in Gysbertpsalm plichte to sjongen. De psalmen fen Althuysen binne in frucht fen Gysbert sines. De hiele Wassenberghrenaissance rêst op 'e Boalserter master. Ek it Halbertsmawirk. Mr. A. Telting skreau 4 Maert 1853 oan W. Dykstra: „Gysbert haw ik ljeaf, en dy't him woldocht, heart ta myn frjeonen,'' en Dr. E. Halbertsma 14 April 1857: „Hofolle Frysk ik seis skreaun haw, lêz ik net jerne oaremans Frysk, ütsein Gysb. Japiks." Ek bitelje de Jongfriezen hjar hilde oan 'e sjonger troch de léste ütjefte en dit wird fen Kalma: „Folie skynbere greatens bilytset en wirdt wei yn de rin fen de tiden; mar Gysbert Japiks forskynt üs al greater en klearder. En yn him triomfearet Fryslan oer alle skyn, alle binyptens, alle forgonklikens hinne, it ienichste en bliuwende yn it Friezene libben, dat stan halden hat oer al it forline en stan halde scil oer de kommende slachten hinne, dy't allegearre binne as rizende stannen yn hjar ivige groeikrêft." Siuch- G Benthem Reddingius, Specimen phUologieurn quo narratio exhibitur de vita, moribus et carminibus Giseberti Jacobi et ejusdem carmina cum poëtis antiquis, Graecis ac Romanis, quos imitando expressit conferentüFraneq 1793; E. Wassenbergh, Taalk. Bijdragen tot den Fr. tongval 18Ó6 II 1—53 Nysgierige Jolle in Haitze-Iem als voorbeeld eener nieuwe uitga've'van alk de gedichten; R. Koopmans, Redevoering over G. J gehouden in 1801, vermeerderd 1819; J. H. Halbertsma, Hulde aan G. J. 1824—27, 1 Bowring, Brieven van John Bowring, voorafgegaan door Iets over de rr. letterkunde, 1830, 27—38; J. H. Halbertsma, Letterk. Naoogst, 1840, 96—298, deselde Spieffhel Historiael bl. 48; deselde, Ancient and Modern Friesic «ompared wittï Anglo-Saxon, yn J. Bosvorth, The Origin of the Germamc and Scandinavian Languages and Nations, London 1836 ,34-Sl; I. G R. Rinskes Liefdeklagt over Frieske's ligtzinnigheid yn N. Vr. Volksalm. 1842, ]f\;A. Koopmans, Tjeskmoeders Zee-angst, Fr. Volksalm. 1841, 71-80; J. H. Halbertsma yn De Gids, 1856, 265; G. Colmjon, Beknopte Fr. spraakkunst 1863 Voorrede- W. Moll, Nederl. Gesch. en volksleven, Gijsbert Jacobs, 11, 101 ;'j. van Loon, G. J. in 1624-37 yn Fr. Volksalm. 1892, 262; Deselde, Nog iets'betreffende de ontbrekende jaren uit het leven van G. J., Fr. Volksalm. 1893 11- T G v d. Meulen, Gysb. Jacobs, Fr. Volksalm., 1893; 115; M. E. v. d.'Meülen, de buste van G. J. in de St. Martinikerk te Bolsward, yn Eigen Haard, 1875, 383; J v. Loon Facsimilé van het Schrift van G. J. yn Fr. Volks ' 1895 229; j. Nieuwenhuis, Gysb. Jap. yn Forjit my net, 1888, 145-167; Beckering Vinckers, Taal en Taalstudie, 1884, 445; G. Japiksboekje, ütjefte fen it Chr. Fr. Selskip, Snits, 1908; J. Hepkema, Alde Fryske Skriften, 1899; deselde De handschr. v. G J. te Oxford yn Fr. Volks. 1899; P. Janzen, Gysb. Japikshilde to Boalsert, yn Slj. en Rj. 1923; S. de Zee, In siedder gyng üt om to siedzjen, yn Slj. en Rj. 1923; W. Dykstra, G. Japiks, yn Slj. en Rj. 1915, omslach no. 43-51; O. J. dei to Boalsert,.yn Slj. en Rj. 1908, 335; v. d. Burg, Sycke Salves yn Slj. en Rj. 1908, 573; F. Buitenrust Hettema, Twee Friezen yn Groot Nederl. Nov. 1905; Deselde, Fryske Bybleteek II. Gysb. Japiks, Utrecht, 1896; D. Kalma, G. Japiks vn Oxford, yn Slj. en Rj. 1924, 605; J. v Vloten, Jacob v. d. Burgh yn De Dietsche Warande, v. 211—254; M. E. v. d. Meulen, Samuel Haringhouk, een man van beteekenis in Bolsward, yn Vrije Fries, 1894, 1-32; J. Itjeshorst, De werkzaamheid van Du Plessis Mornay in dienst van Hendr. v. Navarre, 1917; J. Worp Sibylle v. Griethuysen yn Oud-Holland, 1885, 23; G. Kalff, Literatuur en Tooneel te Amsterdam in de 17e eeuw, 1915; deselde, Studiën over Nederl. dichters der 17e eeuw, 1915; J te Winkel, De ontwikkelingsgang der Nederl. Letterk., II, 94, 328; J. Vorrink, Het Minnedicht in de 17e eeuw, 1919; J. v. Vloten, Hoofts' Brieven 1855, II; G. Penon Bijdragen tot de Gesch. der Nederl. Letterk. 1880, 20; F. Buitenrust Hettema, Een standaardwerk, yn De Nederl. Spectator, 1897, no. 30; G. A. Wumkes, Himelsk Harplüd, Boalsert, 1923, 6, 7; N. N. Biogr. Woordenb. in voce, I, 1214; R. Posthumus, Gadeloos Bruiloftslied van G. J. yn Fr. Volksalm. 1847; A. Waardenburg, Over de Oud Fr. Taal en G. J. yn Berl. Monatschrift von Biester, Oct. 1801; J. Scheltema, Anna en Maria Tesselschade, 1808, bl. 85; W. Bilderdijk, Mengelingen, IV, 51; F. Buitenrust Hettema, Bijbellektuur in 't Fries, Amst. 1907, en Nederl. Spectator, 1907, bl. 17; G. Colmjon, Oer G. J. as frisk taelkindige yn Iduna, 1863; J. H. Halbertsma, yn Fr. Jierboekje, 1834; De Haan Hettema, Handschriften van Junius, yn Fr. Volksalm. 1854; Gysbertnflmer 7 Juli 1923 fen 'e Bolswarder Courant; D. Kalma, De Jierdei fen Frystén yn Slj. en Rj. 1923. SIMEN ABBES GABBEMA GYSBERT JAPIKS, de master-sjonger mei it sterke taelformogen en taelbihearskjen, wier in opstanning. Syn poëzije waerd berne üt artistike en histoaryske earbiedenis for in stranne kultuertael, dy't bleat sprektael drige to wirden. Bisteande motiven bifruchten syn geast en joegen yn nije forbiningen en klanken it libben oan nije skientme. It baenbrekkend wirk fen dizze strider for Fryske sljuchtens en rjuchtens is net tinkber sünder de ynfloed fen 'e man, dy't er neamt „syn greate stalcke, ljeafste frjuene, formeyts fen myn jeld" — alderdom (Brief VII, 1655), Simen Abbes Gabbema. As ien neist Gysbert in plak fortsjinne hat yn dizze boddersrige, den is it Simen Abbes en nammensto mear omdet him ünrjucht oandien is. En net fen 'e earste de béste, mar fen J. H. Halbertsma en W. Eekhoff, fen prefester de Crane en dr. G. Ottema, ja fen hwa net ? Halbertsma skildert yn it twadde diel fen syn Hulde aan Gysbert Japiks de Fryske sjongberch, dêr't in kloft dichters en ütjowers in boek gearstalle, tytle Klioos Kraam, en dy't den inoar wakker it wijreekfet taswaeijte; De Apollo fen dy klub, seit Halbertsma gekoanstekkerich, is Simen Abbes Gabbema en hy jowt him twa ütropteikens efter syn namme. By Eekhoff is er in lossen bruijer en in süphals, dy't nét folie oars as knoffelwirk neilitten hat. Prof. de Crane neamt him „de breedsprakige." Dr. Ottema in fabrikant fen falske skriften. Ik scoe him neame wolle de Fryske Bilderdijk. Hwet binne twisken dy twa mannen in punten fen oerienkomst! Beide binne persoanen fen nuvere tsjinstridichheden, fen greate fouten, fen hege deugden. Beide ljeaven hja de tael mei hert en siele, beide wierne polyhistors, bioefeners fen skiednis, dichtkinde, tael, rjuchtskennis en plantkinde, stoere wirkers op it wide fjild fen 'e wittenskip. Beide misten selsbihearsking en praktysk ynsjuch. Hja koene fen alles, mar net rekkenje yn it deistich libben. Hja Fen de ljue, dy't it ampt fen lans-stoarjeskriuwer waernomd hawwe, kin syn namme mei eare neamd wirde. Syn wirk Verhaal der stad Leeuwarden (1703), dat Gutberleth nei de dea fen Gabbema ütjoech, hat bliuwende wearde. It manuskript rekke yn hannen fen Gabbema's sister, dy't it joech oan 'e Ljouwerter dokter Petrus Portz, in great ljeafhabber fen aldheden en skiednis. Dizze wier in goekinder fen Gutberleth en sa krige dy de pompieren. Hy noaske se troch en foun de ynhald sa trehik. det er risselwearre om se publyk to meitsjen. Gabbema skriuwt yn syn boek, det men safolle ünsin forkofte oer Fryslan, en det soks oars wirde moast. Hy forhellet fen de natuerkindige Gesnerus, dy't Leovardia öfliedt fen le o pa r dus. in hsk dy't der in bulte ütfierd waerd. In oar. dy't him Cellarius skreau, isyn twivel eft Makkum en Warkum „buertschappen" binne ef ommürre stêdtsjes. Dêrom skreau Gabbema syn Algemeene Friesche Historieën, in wirk dat spitigernöch forlern rekke is. Syn frjeon Gutberleth hat allinnich de earste toalf blêdsiden hawn, en in oprop, det men him bikend meitsje mocht hwer it oare sküle, bleau ünbiandere, en oant nou ta is dit manuskript net werfoun. Gabbema wier ek in samler fen Fryske sprekwirden, dêr't er dytiids mear as ien Fries fen gearswile hat. Men kin him ek grif halde for 'e printbisoarger fen de Burmaniasprekwirden yn 1641 by Ulderick Balck to Frentsjer, dêr't mar ien eksemplaer fen oer is yn Oxford, foarsjoen fen Junius' oanteikeningen. De Gabbemakopy fen dy Burmaniabondel bisit it Frysk Genoatskip. Johannes Hilarides, de Boalserter rektor, scoe dy mei oanteikeningen ütjaen, mar ta dizze ütjefte is it nea net komd. En hwer sit dat hanskrift? Ho heech Gabbema oanskreaun stie by syn tiidgenoaten kin men opmeitsje üt 'e loffêrsen, dy't men fen him frege for alderlei wirken fen kinst en wittenskip. Dirk van Baerdt, grytman fen 'e Stellingwerven, Deputearde en kerater fen 'e Frentsjerter Akadeemje, skreau in stiftlik boekje Sondekraam ter bekeerde saligheyt. 1662 - Gabbema moast der in loffêrs yn sette; Dr. Ernest Ras skreau in medysk wirk Hippokratis Aphorismi, 1664 — Gabbema moast wer oan it dichtsjen; en sa wier it ek by de ütjefte fen Ds. Paulus Mensonis syn Thien sin- en spreukrijke Predicatiën (1658) en fen Ds. Gellius Boëtius' syn Jonakommentaer De prophetische Duyve met een Olijftaxken, 1660. de Fryske plantenammen: Smearbeijen, Krystkrüd, Akkers, Quitsbeijen, sipel. kladde en zuydde. Hy forliket it Fryske rükma Ie LeEUVAXDEX lgr he KB RIK HlHTjES 1686 TTTELPRINT FEN DE FRIESCHE LUSTGAARDE (swietrook) mei it grykske thumiama. Hy wit det op it Amelan de sédistel (eryngium maritimnm) tieret en det de Müntsewe. to Feankleaster, dêr't syn frjeonen Pibo fen Doma en Tetfen Jekinga wenje, oerditsen is mei in gouden pracht fen hege Bremerheide. As de druvebeam op 'e tekst komt, moat er efkes fornije, det de Fryske gilden yette it „brükme" hawwe om wyn to drinken üt hoarnen fen oeroksen en buffels. Hy wit fen twa Hynljipper boargemasters, det hja yn Noarwegen in ikebeam sjoen hawwe, dy't saun man net omfiemje koenè, en fen 'e skoalbern, det hja fen hearbeamsop mei alün blaureade ferve meitsje en fen it hout spuiten, dy't hja „boszers" neame. Hy ken de Fryske sizwize „warme jautte" for in süpke köke lynsie. De Friesche Lustgaarde is in boek, dat men in pear ieuwen nei syn forskining yette mei swiid formeits trochnoasket. Gabbema mei troch it forsniperjen fen syn krêft oan 'e greate forwachtingen, dy't men as skiedskriuwer fen him hie, net biandere hawwe, dy wirkkrêft seis twingt de djipste earbied öf. As men neigiet, hwet de pinne fen dizze wramer skreaun hat, den mei men syn skiedskriuwampt fruchtber neame, binammen for de Jeropeeske leardeskiednisse. Syn brievesamling fen Viglius fen Aytta oan Hopper (1661) en syn Epistolarum ab illustribus et clarissimis viris scriptarum Centuriae tres (Leov. 1663, 2e ed. 1669) bliuwe in goudmyn for Ündersikers, en net minder de hünderten kopyën en originélen fen brieven, dy't in weardefol bisit fen Fryslan oant hjoed de dei ütmeitsje. Dizze lytsachte learde fortsjinnet in earebyld yn 'e skilderijeseal fen it Frysk muséum. Sjuch: G. de Wal, de claris Frisiae Jure consultis, 1825; G. H. M. Delprat, Brieven van Friesche e.a. geleerden yn Kronyk v. h. Hist. Genootsch. XI, 1855, bl. 151—155; N Biogr. Woordenb. VI, 537; W. Eekhoff, Geschied- en Letterk. nalatenschap van S. A. Gabbema yn De Vrije Fries, XI, 273—337; idem, Lijst van de opvolgende Landshistorie-schrijvers, de Vr. Fries, XI, 339 —342; Aanwinsten der Prov. Bibl. v. Friesl. 1911, bl. 45—53; D. Koopmans —Fortmann, Een en ander over de Friesche Lustgaarde van S. A. Gabbema yn De Natuur, 1925, 15—18; W. Eekhoff, De Stedel. Bibliotheek van Leeuw. 1870, 53, 54; J. H. Halbertsma, Hulde aan G. Japiks, II, 386—97; v. d. Aa, Biogr. Woordenb. in voce; Thet Freske Riim, ed. Epkema, Workum 1835; J. Beckering Vinckers Taal en Taalstudie, 1884, bl. 445; v. d. Chijs, de munten v. Friesl. bl. 121; v Kampen, Gesch. der Nederl. Lett. en Wetensch. I, 423; Analecta of eenige oude ongedrukte schriften v diversen inhoud tot Friesl. alleen specterende Leeuw. 1740, bl. 39; Catalogus van het Gabbemaarchief, Leeuw. 1926. JOHANNES DE VLIET (JANUS VLITIUS) MEI de omswaei fen 'e 16e ieu dage yn Jerope it oanbigjin fen 'e forgelykjende taelstüdzje. dy't ienris hjar wünder siikljocht oer alle spraken fen it minskdom saeije: scoe. to fen e pioniers wier prefester Bonaventura Vulcanius (1538-1615) to Leiden, dy't yn 1597 in allerwichtichst boekje ütjoech. dat er opdroech oan it regear fen Fryslan. en in opstel ynhie De htens et lingua Getarum sive Gothorum. Hy hie n.1. heard fen Joachim Hopper, det it Frysk taelkindich bisibbe wier oan it Gotysk. Ek üt earbied for it letterkindich libben yn Fryslan en foaral om ta it bioefenjen fen it Frysk oan to trünjen bisoarge er dizze utjefte Skriuwer fen it opstel wier Arnold Mercator (soan fen e forneamde geograaO. dy't op syn ündersikingsreizen yn it Westfaelske kleaster Werden de Codex argenteus mei de Gotyske evangeliën foun en dêr in tekstmannich üt öfteikene hie. Hy stalde rune-alfabets gear. naem rune-ynskriften op. en dielde alderlei witnis mei oer e Goten, fen en oar heart ta it earste oanbigjin fen e Germaenske hlologie En ek it Frysk bihellet er dêrby. It „Gebet des Hearen wirdt sa oerset: Ws haita dw derstu biste yne hymil, Dyn name wird heiligt. Dyn ryck to komme. Dyn wille moet schaen opt yrtryck as yne hymil. Ws deilix brae jow ws jwed. in veriou ws ws schylden, as wy vejae ws schyldmrs. In lied ws naet in versieking, din fry ws vin it qwaed. Dindynfa it ryck, de macht, in de heerKckheyt, yn yew.cheyt. So maettet wese. Dat spoar fen 'e forlykjende taelstüdzje folge ek de man, dy't troch nimmen minder as Franciscus Junius, ynwijd waerd yn e witnis fen it Gotysk. n.1. Johannes de Vliet, mear bikend as Janus Vhtius. biwirker fen in almenak. dêr't de ljue raer fen opseagen. do't it yn 1664 ütjown waerd. It formaet wier al daelk oars as oars, net duodecimo mar lyts medio kwarto. It droech de titel Bredasche Almanac en Chronyck. De titelprint stelde foar in Fryske kreamer mei in brede rfige mütse op 'e holle, in kammezoal oan, in kraechje om 'e hals en in lange puntheak omkeard yn 'e hfin. Oan in ban om 'e hals hinget de mars mei boeken, dy't boppedet steunt op in propstok. Dêr sit wer in pompier oan fêst mei de wirden: Frieske spreeckwoorden. Op 'e eftergroun sjucht men de stiennen reus fen 'e Aldehou. De opdracht is in Frysk rymstik oan 'e prins fen Oranje, Hear fen Breda, mei it ünderskrift: „V Hoogheits Kreamer, Fobbe Korst, Jaersdagh 1664." De oanrin folget hjir: Meij ick peterjen het ick tins In waerom ick kaem an dit Hof, Ick bin ijn Kraemer mit forlof, Om an U Hoogheijt, ons Laanheer Te bringen lit lijts Niuwe Jaer: Waer in op 't Hollands scriuwen staet Het dat druwgh 't hiele Jaer om gaet; Wat hilligh daegen in de Tjerck Te vieren sin, in rest fen werck: Waer, in wannier men Kermis houwt, Of Paerdenmerck, of Ogsen stuwt, En wat men, om te leven f risk, Best ijtten sei fen fleesk in fisk; Het fuggelen best sin tot spijs; Wannier men 't Haes finst, of Patrijs, Of jonge Reijgers in de liucht, Of resten moot fen Jaagt in fliucht, Ho sick ien nommel huws bidrijf Generjen sei zoo zierl as wijf; In homen Hiem en Hoofje baendt; In hett er rijp is jeder maend. In al wat bij de Bijen hoort Forsiaen ta werden, in so voort. Eltse moanne hat yn it almenak in blêdside, dy't yn twa kolommen fordield is. De namme fen 'e moanne is oanjown yn it Latyn, Gryks, ald-Hollansk, Angelsaksysk en Frankysk. Yn 'e iene kolom stiet in Latynsk ferske mei in rige healdagen, bistemerken en waeroanwizings; yn 'e oare kolom in koart uitreksel üt in almenak fen 1252 mei alderljeafste ferskes, dy't swietlüdich biskriuwe hwet men eltse moanne yt, drinkt, fangt, hsket, jeit. plantet ensfh. Bloeimoanne hat dit ferske: Ick ben het Bloemke van het jaer lek, die uyt vreughd oock vruchten baer, Van boter, kaes en honingraet Waardoor het huijsgesin bestaet. Juny hat: Den herder nu sijn schaepkens scheert Den hof geeft moes wat ghij begeert: De bijen swermen even dol, En planten nieuwe corven vol. Dus oordeelt, of het niet is waar, Dat ick het Roosje ben van 't Jaer. Efter it almanak folgje: le in plaet, dy't foarstelt de grêftombe's fen 'e Nassau's yn Breda: 2e in kaert fen it graefskipStrijen mei it alde lan fen Breda ca.; 3e trije greate segels fen Breda mei de Kontra-segels. Fierders is yn it boekje opnomd in Bredaesche Chronück oant it jier 1647. De skriuwer sprekt dêr de winsk yn üt, det er ta eare fen God de greate Kronyk fen Breda, gearstald üt alde charters en dokuminten, dy't oant nou yn it tsjuster lein hawwe, mei Gods help mei koarten yn it ljocht jaen scil. Hwet er nou jowt is in koart bigryp, dat lykwols op goede biwizen steunt en yn elts gefal goed- en greaternöch om as kronyk efter in almenak fen in Fryske kreamer to stean. Op 'e léste blêdside folgje: Der oude Vrije Friesen spreeckwoorden. Dizze binne 57 yn tal en steane op it a bie. Ik nim der inkele fen oer: Aale honnen is qua biljen to leren. Aade foxen binne quae to faen. Berint de waesige voet aet, de yesckige naet. Better ien blijn hijnst as ien leegh heiter. Deer de nuwt wol ijte motze krecke. Der de herren rijden, stuwt de molde. Daer de bedlers donsje, stuwe de lape. Een joun goul, siocht me naet ijne mouwl. Een stien kan allinne nin moai maeije. Folie wijnen dwae de hase daed. Folie wirden folie nin seck. JACOBI RHENFERDII EPISTOLA ad AMICUM," D E ) . ■ ~Ï,V3Ï ORIGINE & SIGN1FICATÜ V O C I s A T T A. Hilarides wol cUt^fechacl net yn alle delen for wier oannimme, mar hy sjucht der in biwiis yn, det de hndels yn 'e striid fen 'e alde Friezen in greate rölle spile ha. Yn syn boek It aade Fryske Terp 1678, naem er den ek alderlei boustoffen fen 'e Starumske skiedskriuwers lyk as Occo fen Skarl op. En ho't dit Fryske kronykje der by it folk ynfoel, kin men opmeitsje üt de fjouwer ütjeften, dy't it bilibbe. De léste is fen 1834 en bisoarge troch de Ljouwter archivaris J. van Leeuwen. As almenakskriuwer naem Hilarides de geasprake fen it Hylper sémansfolk to bate. Hy skreau: Hynlipre sémansalmanak op it 1679 jeer, mekke fen in stirman oen laand. It is in griemmank: birekkenings fen moanne op- en ündergongen, eklipsen, wettertijen, ferskes en in krenyk fen Hynlippen, allegearre yn 'e tael fen it sémansfolk. Dat almanak tsjinne net om Hynlippen to forhearlikjen, mar om de geaspraek fen syn stêd ütkomme to litten. It gyng Hilarides om de tael fen Hynlippen, dêr't do noch mar in inkelden ien lyk as de greate Junius en master Gysbert nei omseagen. Letter joech er noch in priuwke fen dat dialekt yn in fers, ta eare fen syn frjeon ds. Daniël Goltzius, dy't by syn gouden jubileum in samling preken ütjoech (1720). Yn Dokkum (1678) makke er for it Frysk lexiografyske en grammatikale stüdzjes, dy't er samle yn in hanskrift, dat noch altiten op ütjefte wachtet. Dit manuskript is to lanne komd yn 'e stadsboekerij fen Ljouwert en hat ta titel: Naamspooringen van het platte Friesch; zijnde de oude Friesche Lantstaale: in de OorBodders yn 'e Fryske Striid 1' F R A N E E RvE, Apiid fOHANNEM GYSELAAR, Ordd. Frifizitque ooruodcm Acadcmix Typogmph. Ocdunr. usclxxxviu. Titelblêd fen in Frentsjerter taelstüdzje. sprongen opgezocht. In taalgronden verklaard. Om de krachtige beteekeninge deszelven, als het weezentlijkste der Taaien, wyt de oude gewoonten, wetten, plechticheeden. uyt de taaiwoorden en spreekwijzen aan te merken. ( Earst jowt de skriuwer in samling knippelspreukjes. dy t aldtüds tsjinnen as krüchsleus ef taeloefening. bygelyks: By de brol yn de blauwe bril is blau baai to keap. De Blijer blyje brijklok. Der klipt ter Kapplerklok. Bange baane brekke as brij. Buter, brea en griene tsiis, is goe Ingels en goe Fries. Fjouwer klear lotter ljipaayen, op üs finnen herne yn ien nést. Der is nin klirk sa krol as klaerkampster krolhierde klirk, aller klirken is hy to krol. Fierders jowt er rymspreuken yn 'e trant fen Reyner Bogerman: Haad Jou Kristenlaauwe, So wirt Jou 't Himelryk naat ontvaauwe. De laauwe is Gooadz eed De graon fen eeuwige freed. Och! yn de wraad iz laauwe wei, Godl Jou allinne dyn namme goen dei. Hy hat ek sprekwirden en sizwizen: Sinte Pietters Finckel (= Petrus ad Vincula = 1 Aug.) Dan tjueststret al ien de winckel. As 't wol wol, soo kealet de ochse. Al koe hy preekje as Brugman, so leeuv ik him neat. Hy het goe tjokke liere omme skoncken. It hanskrift hat moaije bydragen for de Fryske foltskinde, bygelyks oer de St.-Piters-ballen. dy't yn 'e Beginekleasters oppronke waerden mei side en linten en Ünder in greate tarin fen minsken to grabbel smiten ef presint jown waerden by in troupartij. It hat ek dit ferske biwarre: Sint Pietter zyn dej dan droegget de wej dan eernet de ej dan wient de schieriel dan bettert it miel dan keallet de kuw dan gruitet de duw dan droegget de daam dan wandret de faam dan kroosket de hin dan grienet de fin dan wierket de huisman wol nej sien sin. Hilarides teikene yn it hanskrift oan hwet de bern songen ef röpen by hjar boartsjen. Sa hearde er roppen „Horre!" ef „Hurre!" by in grabbelspil, hwet er yn forban brocht mei de sizwize: „It horspil yne patiele." Fen sa'n sekstich Fryske wirden bisiket er in öflieding to jaen, dy't üs bywilen nuver taliket. Sa bringt er Freed yn forban mei Aphrodite; Fryslan mei fris lan; heit mei atta; bern mei it Hebrieuske ben (soan); mem mei it Hebrieuske em; dreage mölke mei it werkwird drage; Ljouwert mei ljue-wert m merke fen 'e ljue; by gammen mei it Latynske gemini; flintstien mei it grykske plinthos; aldfrinzich mei aldfrankysk. Dizze öfliedings meije wêze hwet hja wolle, mar for 'e skiednis fen 'e taelideën fen dy tiid binne hja wichtich. Dêr komt noch by, det yn dizze wirdlyst mannich wird stiet, dat men forgees yn it wirdboek fen W. Dykstra siket. As Hilarides mar gelegenheid hie, briek er in lans for it gebrük fen it Frysk. Yn dit manuskript seit er bygelyks, det it in öf to karren neiaepjen is, as Friezen hjar bern vader ef papa sizze litte. En om sjen to litten det it wird heit in moai ald Germaensk wird is, nimt er in taelkindige stüdzje op fen Jacobus Rhenferd oer 'e oarsprong en bitsjutting fen it wird Atta (Franeq. 1688), dy't oan it Frysk en Hynlippers alle oandacht wijt. Hilarides wier lyk as Hooft purist yn mirch en bien. Frjemde wirden koe er net ütstean. Hy rekke yn Dokkum oan it fortalen fen Nepos (1686) en Phaedrus (1694). Mar yn dy oersettings scoe er net in wird opnimme lyk as tempel, mar dat fortaelde er mei it wird plechthuis; priester waerd plechtbediener en altaar waerd gaafhoochte. Hy foaroardiele wirden as miljoen, sifer. administraesje en repuoiyK. uai neamuc er ütlanske kromtael. Hy hie rejael de gek mei de koeterwaelske kromtongen, dy't om it oare wird mei Franske sizwizen pronken. Simon Stevin, de greate wiskinstner, dy't yn tsjinst stie fen prins Maurits, wier in man nei syn hert, om't er alle Grykske kinstwirden yn 'e wiskunde oan kant sette en yn syn memmetael oerbrócht Hilarides stelde Frysk en Deensk her boppe de „keale" Franske, Ita- liaenske en Spaenske tael. Do't er de 15e Febrewaris 1699 it rektoraet yn Boalsert oanhrdige, die er dat mei in rede oer in mje manear om de talen to ünderrjuchtsjen. Hy woe it taelünderwys mear praktysk meitsje, net mei de grammatika as doel. mar as middel. Alle skoallefokserij büten 'e libbene folkstael om scoe yn him in forheftich bistrider hne. In net minder krêftich pleit hat er halden for it goetjwdit fen 'e geaspraken yn it algemien en fen 'e Fryske tael yn it bysünder. Yn syn boekje Nieuwe Taalgronden der Nederduitsche Taal. Franeker, 1705. wiisde hy derop. det de miene skriuwtael him oanpasse moast by de sprektael fen it folts en dêr winst mei dwaen. Hollan hoecht net de baes to spyljen oer 'e oare prevmsjes. Lit in Sieu mar oars prate as in Fries, in Geldersman oars as in Hollanner ef in Stichtsman. It „plat" fen elts gewest hat syn eigen rjucht , , Dat binne allegearre nije, soune, moaije taelideen. dy t yn us tiid noch net ienris hjar tapassing foun hawwe. Ynsaher wier Hilarides in baenbrekker, hwaens namme mei eare Hanskrift fen Hilarides. neamd wirde mei. Hwet hat er ia skerpe krityk oefene op 'e Hollanske biwirking fen Pitiscus Latynsk Wirdboek troch Fr. Halma, dy't de Fryske tael haette sünder de grounen to forstean. „Hwerom" — sa freget er Halma — „fortale jy it Latynske wird sexus net mei it moaije Fryske wird skaei en hwerom tibialia net mei hoazzen? Jy wolle ljeaver kousen, om't de Walen dat wird brocht hawwe mèi hjar chausses, alhowol Fryslan, Oeryssel, Gelderlan, allegearre hoozen hawwe." „Ik kar dit öf" — seit er — „det de ljue mear achting ha for it earme, krêfteleaze Fransk as for üs eigen, rike, krêftige, rynske tael, dy't by gjin inkelde tael fen 'e wrald hoecht binefter to stean." Dizze skögings wierne fensels pik yn it fjür. In hele kliber rimelders stie op om it Nederlansk tsjin it Frysk to fordigenjen. It iene hikkeldicht nei it oare kaem üt om him to biskimpen as in dolleman, bispotlik djier ensfh. Hy liet lykwols de ljue raze en skelle. Sa'n buike koe er bést ha. It hie al earder spoeke, do't er it opnaem for Balthazar Bekker, de romrofte divelbanner en tsjoensterforjeijer. dy't mei syn boek De Betoverde Weereld (Amst. 1691—93) it minskdom in woldied biwezen hie. Bekker wier in foarstanner fen it Frysk en koe der in rymke yn meitsje, dat der los en aerdich hinnerölle, sa't men sjen kin yn syn Tohjifte fen hette Friesk. Frjeauwn Lover, jiette ien wird; ik sjoeg, it bied ken 't lyje. My tinkt, dit oarde boask dat sil him tijgge flyje: Wijl jiester john 't jong wijv de moelle op 't rjoegte stee, In wol to laaitsin stoe: joh lijkke uiz rapp in ree Oer hoews in ijnne weage; in neat graag oere striette. Dat foegit joh eak best, in dat haadt miel in miette. Nuw, 'k siz hjir meer neat fen: God, hoop ik, sil 't soh jaen, Dat Man in Wijv, in Bern, eltj ien sijn best mej dwaen. Dos hette hinne schrjeawn fen dy sellige as boppe, de 19 dey fen Hearstmoanne 1689. R. de Lover wier medisinedokter yn Amsterdam en troude to Weesp mei Rachel Wijma. Do't Bekker troch syn Cartesiaenske tinkbylden sahwet de hiele tsjerke oan 'e hals krige, do't it spoten stikelskriften reinde en de banbliksem drige, naem Hilarides syn gravearstift. brocht it boarstbyld fen Vforspeiue man op it koper en forseach it fen in tapaslik fers (1691). Dat bisoarge hun sikersonk gjin frjeonen. Sa gie it ek mei syn ütjefte fen Phaedrus Esoopische Vertellingen in Neederdujtsen Dichte vertaald (Dokkum. 1695) mei opdracht oan „Willem Deurhoff. burger binnen Amsterdam, de naawkeurichste Onderzoeker der Grondwaarheden, en der seekerhejt van dien." Dizze Deurhoff. in Cartesiaensk htosoof. hie yn Fryslan frijhwet forearders. lyk as Gernt Tulp. koster en foarlêzer yn e stêd fen Warkum. hwaens Godgeleerde en W«sgeerige Keurstoffen hy yn 1708 ütjoech. Ek Hilarides wier neffens syn opdracht Deurhoviaen. hwet him by de Dortsk-rjuchtsmnigen gjin goed die. Fierders hie hy tige foarütstribjende opfiedkmd.ge tinkbylden. dy't er helle üt 'e wirken fen 'e paedagoog en pansoflst Johannes Amos C^menms (1592-1670) hwaens Janua hnguarum reseratae aureae Vesübulum hy for e Latynske skoallen yn Fryslan biwirke ünder e Wel Voorhof der gXe ontslotene deure der taaien (Dokkum. 1682). Do t er yn 'e voorreeden" fen syn Neposoersetting (Leeuw. 1686). me, opdracht oan steedhalder Hendrik Kasimir. oardiele det troch fortalen in sprake riker en moarjer waerd. en er it Frysk forhearhke tsjinoer de Romaenske talen, foun er in bistrider yn e dommy fen Longerhou. Jacobus Steenwyk. dy't him op e fingers t,kke yn in Iepen Brief sijnde een voorloper van 600 misslagen. d,e H. begaan heeft in het overzetten van Nepos en Phaedrus (Leeuw. 17 Dit' hie lykwols allegearre neat to bitsjutten by de opskoer fen 1695 vn 'e froede stêd fen Dokkum. Us konrektor hie oan *e westside fen e Heechstrjitte in boekwinkel, dêr't boppe yn 'e gevel Thalia stie ien fen e tri,e „gratiën." Boppe op 'e luifel foar it hüs stie: „In de Schoone en yn 'e winkel wier in boekekas mei it opskrift: „Voedsel des Geestes Oan 'e gevel hong in üthingboerd oan roastige izeren bmgels piipjend hinne en wer to skommeljen by hirde wyn en re,n,ch. bluistrich waer. ' , , Op in dei yn Maeije 1695 moast it ünsjugge boerd ni, opferve wirde en do kaem de man op 'e nuvere ynfal om op e iene kant in tsjerkeboek mei it ünderskrift ..De Bijbel" skilderje to htten en oan 'e oare kant in han mei fiif kaerten: Klaver-Aes. Hear. Frou, 1 i^r®^?^ non -r^#an k m$ Stuger «1 JSorhbrtBooptc/, mi^j fc»'*' öootöfttaat tt «^&6«tt/ * IMtoaaJ Ött Caartfod ra «Sraetrrifftn/ J Befte na tos» fjbm ' Jjjpl* i.-- ÏSI «cbrti aof I \pt Dat mm 't maafit: i§ I üSWqrra»'ttW Wy««B;lM>j^ VgÈM Boer en de Nel, en dêründer wer de wirden „Een Schoone" (troef waerd der mei miend). Dat joech nammenstomear argewaesje, om't de tsjerkegongers, _ hinnegeande de bibel en weromkommend de fiif kaerten seagen. Hilarides moast ünderfine hwet it sizze wol: „Wé de minske dy't ergernisse jowt," en al hiel gau roun it folk to heap foar syn doar en easke fen him, det er dy fiif troefkaerten oerfervje litte scoe. Om't it him al to slim waerd en syn nearing dér Qnder bigoun to lijen, hong er foar de kaerten in bizen fliermatte. Dérmei scoe it léf gedoch miskien wol in ein nomd ha, mar de man krige it yn 'e holle om in boekje to skriuwen en üt to jaen, dat ta titel hie: Uithangbord van Johannes Hilarides als Burger en Boek- verkooper in de Hoochstraat te Dokkom, alwaer het Caertspel en Ergernisse beide ten toon staen. Undogensk liet er dêrop folgje: Al even eens, hoe dat men 't maekt: Daer d' eene prijst wat d' ander laekt, hweründer in öfbylding fen de beide siden fen it üthingboerd printe stie mei in loshingjend plaetsje, in matsje foarstellend, boppe de spylkaerten. Lichte men dat matsje-printsje op, dan stie dêründer to lézen: fiW Iff «B !HS! 301 *5WB It üthingboerd fen Hilarides. De burgerij van Waard Was voor een doode roch vervaard. For it wird Waard moast men fensels Dokkum leze. Boppedet fordioene er yn in hikkeldicht fen njuggenhündert rigels it kaertspyljen, net yn it misbrük. mar as ütspannings- en opskerpmgsmiddel fen 'e minskelike fornimstigens. Ut it stilswijen fen e Magistraet makke Hilarides op. det „dy swijt tastimt" en foartdaelk nam er syn liere by de han en tokkele dy frij foarbarich. troch derby to sjongen: v Dan hebb' ons Overheid, die haer voorzichtig toonen: Geen burger om een Bord met Smaed te willen hoonen ' Strax nae de Drift van 't Volk, soo dit op 't domst afmaeld. Dat niemant in syn Recht onbiüyk wordt bepaeld, Om 't geen men vrij verkoopt, niet vrij op 't bord te setten. Mar do waerd him oan it forstan brocht. det it birop op 'e Oerheid mis wier en him waerd to forstean jown, „om it boerd, dat san oanstjit joech. wyslik wei to nimmen,' dêr t er ta oergyng „om des lieven vredes wille." en nei t ik leauwe wol. om 8y^etsÏÏe heart ek ta it libbensbyld fen rektor Hilarides. „Friezen binne bizen" seit it sprekwird. Wy earje Hilarides as de strider for Fryske ienfêld en seden tsjin de Franske frjemdsin. dy't as in sündhoed de moai,e fo kseigenens fen it frije Nederlanske Steateboun drige wei to spielen Moai komt dit ta utering yn dit gedicht foar S A Gabbema. Historie van Friesland troch T. Gutberleth yn it bocht brocht (Frentsjer, 1703): Opwekking voor die van Liewerd, Moederstad der Friezen. Dus sal elk, van uw hand, dit eerste proefje ontvangen: En naa uw heele kraam begeeriglijk verlangen. Die noch maar 't ronde hert van d' owde Fries bewaart: En uit geen faatse drift, noch van syn land ontaart. Een die maar weeten wil wat kracht, wat klem, wat weeten In eigen inlands steekt: in 't owd wel is geseeten. De seeden van ons volk, lands wijze van het owd, Die niemand voor het vreemd soo licht verreujlen sowd; Soo wie maar kennis draacht, van d' aadelijke wijze, Der vaadren voor ons tijd; dien sal men 't licht bewijze, Wat deftigheid, wat staat, uit d' owde huizen kwam; Bestendigheit en trouw was 't keurstuk van een stam. Daar nuw de losse swier van uiterlike dingen, Van 't lichte Fransche hoff, soekt swierig in te dringen. Om naa een voorschrift maar, van uiterlijke trant, Wat swier te maaken, en beweeging voor de hand. 't Plat Friesch dat leert de deugd, soo rond als deugd, hanteeren; En 't hert met lust tot deugd van binnen te vermeeren: En in den ommegang de menschen goed te doen. Voor 't oog van buyten, is genoeg voor 't Fransch fatsoen. Verlang maar voort, verlang, ooi lantsman! naa de taaie, Die onze Gutberleth uw noch sal doen verhaalen. Gij sult de wijsheit bet, noch in ons vaadren sien: Als hij der wijzen leer uw sal in 't Fransch aanbien. In duizend spreuken, daar de kracht en dwang van reeden, Wort voor de wijde werlt in 't krachtig Friesch beleeden; Daar pit en merg in steekt, elk woordtje weecht een pond. Daar moest de lust toe sijn; kon niet der Franschen vond, De stroom van 't Fransche hoff, Euroop heel overloopen Daar elk sijn moedig Duytsch, laat voor het Fransch verkoopen; Voor Fransche f loddertaai, gebroken Roomsch en Waalsch; Onkrachtig voor de sin, beduijt de woorden valsch: Seer onbevoegd, om klaar en krachtig uit te seggen, Hoe saaken in hun aard, en in haar weezen leggen. Goed voor een pappegaai, naa 't voorschrift wat te klappen, En bij de jufferswier wat woortjes heen te snappen, Die haar hun meester leerde; en dingen weinig raaken, Die konst off weetenschap behoeft tot haare saaken. Howd gij ons aan het Friesch, oo! Gutberleth! de seeden Van d' owde aadelstam: dat wij die lang betreeden, In 't owde vaaderland, Opdat geen Fransche swier, Elks skrik maar, die met ernst, aan al wat Fransch is dencke: Dat niet het Fransch, in 't laatst, ons op het Fransch noch krencke Daar 't op ons grenzen sit, op 't Spaansche Gelderland: En leere ons al noch 't Fransch, komt hij ons boovenhand Howd gij ons aan het Friesch: en laat ons dat bewaaren; Deel ons maar spoedig mee, de hoop van uwe blaaren: Terwijl de FLIE stad aan het WIRD met keur beschouwt 't VERHAAL dat hier nuw komt uit schriften van het owd. Sljuecht in rjuecht, az dy fen Boolzert. Joh. Hilarides Liewerden. Bolsward, de 21, der 7. m 1701. TEIKENING FEN HILARIDES Ek sjugge wy yn Hilarides de drager fen 'e Fryske geast üt 'e Südwesthoeke mei syn bloeijend hannelsforkear. Starum, Hynlippen, Molkwar, Warkum hiene in drokke frachtfeart mei de Eastsé, mei „Rievel en Nerf" (Reval en Narva) en dêrtroch folie mear kinde omfierrens as oan eigen Friezen. Sadwaende bleau de tael op dy plakken mear yn 'e alde foegen. En Hilarides dy't dêr de wearde fen seach, om't er sa'n ynternasjonale sköging hie, wier krekt de man om it bütenlan yn to ljochtsjen oer dy alde Südhoekster séfryske-dialekten. Ik neamde al it genoatskip „De propaganda fide," dat er it: „Oo, oejz ienne feer, der jie ienne hiemmel binne" bisoarge. Mar dêr bleau it net by. Dizze fortaling waerd opnommen yn it sammelwirk fen Chamberlayn Oratio Dominica, in diversas omnium fere gentium linguas versa, 1715. David Wilkins skreau dêr in foarwird yn en joech dêr alderlei meidielings oer 'e Fryske tael, dy't er krige hie fen in Fries, dêr't grif Hilarides mei bidoeld is. En den fornimme wy it neifolgjende: Sciendum geminum in Frisia hodie obtinere sermonem, alterum, innovatum qui obtinet passim in urbibus, curiis, templis, scholis omnibusque actibus publicis, alterum nobiliori dialecto quae vulgo etiam apud nobiles et rurales fundi Frisici possessores in pretio habetur. Nobiles enim ruri degunt, ibique suas facultates habent et possessiones, qui ibi ruralibus peculiari per totam regionem utuntur sermone. D.w.s. Men moat witte, det hjoeddeis Fryslan twadderlei tael hat, de iene fen nijer datum, dy't brükt wirdt yn stêdden, rjuchtshóven, tsjerken, skoallen en alle publike aksjes, de oare fen treftiger aerd, dy't allerwegen yn wearde halden wirdt by de edelljue en grounbisitters. Hwent de edelljue libje op it' lan en hawwe dêr hjar eigendommen en dêr jildt hjar ynfloed, sadet troch hiel Fryslan hjar tael, it Frysk brükt wirdt. Ek wirde stealtsjes jown fen it Hynlipper dialekt mei in hele lyst wirden yn dizze geaspraek en it lanfrysk en nederlansk aequivalent dernjunken. Wirden as reauntsjen (runa) en schierjen (separare) wirde forklearre. It Molkwarster Oes Veer, der iin de Hiim'len binne, Jimme Nemme word heil'ge; Jimme Keuniink-riike komto; Jimme Wolle geschied op d' Ierde alliht as iin de Hiimmel; Joeoe oes joe oes dageliiks Broeoe; Dan d' echo, die door medelij . Haar houdt in dat gehugt verholen, Die dikwijls d' oorzaak vraagt aan mij Waarom dat ik dus zit gescholen. Ah, dan zeg ik het is om het af zijn alleen Van u, mijn Eliseen. Nei myn bitinken is it in juwiel. En nou is dit fen bilang, det dizze dichteresse hjar sjongfaem yn tsjinst steld hat fen üs heitelanske tael. Hja sette mei opset sin Fryske dichtstikjes twisken alderlei Franske fersen, om ütkomme to litten, det it Frysk net minderwirdich wier as de höftael fen Louis XIV to Parys. Prefester W. E. Collinson to Liverpool hat se yn 1924 op 'e nij ütjown yn The modern language review, XIX, no. 1, mei oanteikenings, wylst ik de forêldere stavering yn 'e hjoeddeiske oerbrocht haw yn It Heitelan, 1924, bl. 99—101. It binne fjouwer stikjes. Fen elts jow ik hjir it earste koupiet: Petear twisken Boerinne en Lanfrou. Goendei, goendei, lanfrou, Hjir bring ik jo hwet aeijen En twa hinnen üt 'e kou. 'k Haw se trije wiken mêst. Dêrom tocht my, wier it bést Det ik brocht dit tsjfike pear Yt se op mei üs lanhear. Petear twisken Boer en Faem. Goenjoun, boer. Faem, goenjoun, Haste hjoed to keamer weysen? Ja, ik tins: forskate reizen Mei de feinten ek yn 't roun. Ja, ik gis, det Sibrich Loaskje Dy't de knotte hat bistjürd Tjalle wol en moat ek boaskje Oars liz ik 't op Hotse Sjoerd. It fait al daelk yn dizze gearspraken op, det hjir alderlei Grykske en Latynske nammen, lyk as Daphne en Laura oan 'e kant set binne. De dichteresse, dy't oars de klip fen 'e bombast hast net üntsile kin, is hjir ienfaldich. De sljuchtwei foltstael bringt foartdaelk de seining fen klearebare minskelikens. Hotsemans Fryery bigjint: Hwerom woste my net habbe, Siz myn sukerswiete laem. Ef is Lolkmoers hjarre Tjabbe Ta dyn ljeafde meast bikwaem? De drokte fen 'e bouboer yn 'e üngetiid wirdt floatich skildere yn Sibrich, siz, hwer rinste? sei! Bring üs de kij fen 'e ikkers mei, Mar lit de keallen rinne, Mar lit!... Driuw de alde rün Yn 'e kamp by de tün En de rieren yn 'e finne. Men hat hjir wer to dwaen mei sangfoardrachten for in brilloft. VIII 1686. Yn Stichtelijk Sang-priëel. Franeker, 1686, fen Dr. Wite (Vitus) Hindriks Ringers steane trije Fryske psalmen (123 127 133). De dichter wier berne to Harns 22 Jan. 1660 en hie ia heit en mem Hendrick Ringers, stêdsboade en Styntje: Vitus Ennema. ta pake de ald boargemaster fen Harns PijterClaasen, dy't syn fad waerd by it forstjêrren fen syn mem yn 1667. Uizze bikostige ek syn stüdzje oan 'e Frentsjerter hegeskoalle, dêrt er 1 Maert 1675 ynskreaun waerd en 25 Juni 1681 promovearre ta magister yn 'e frije kinsten en ta dokter yn ^J^fe' stie as dominy to Britsum (1682-84) en to Ried (1684-1725 dêr't er forstoar. Hy briek yn boppeneamd boekje in tóns for it Frysk. „dat for gjin fen de Jeropeeske talen bÜies hoecht to ,aen. Hy birime de trije psalmen yn syn memmetael „ta God syn eare en ta jimme neisten hjar stichting. Ik nim hjir oer it 2e fers fen Psalm 127. Vergees is 't dat in minsk lang foor 't opgean der sinne It sliepin is forgien en hi fen 't bed opstiet; In fen 't arbeidjen neat foor tsjuster-jftn wol nnne; Vergees is 't, as di Heer sijn sein neat seinin giet. 't Is neat, dat ljoe hjar brea mei swiere hollen ytte; Al het hja dwaen, is neat, as d' OpperhAn neat helpt; Mar God di jouwt it faak syn folk, ear dat hja 't wytte; Hja wirde as yn sliep mei folie goed bistjelpt. IX 1691 Oon myn wirde fruen Den trog-geleerden Iongfeynt Ybe Fennema Wanneer hy te Frentjer yn de haege Scholle ooner 't haegwijs-bestjoer fen dy Heer Jan Finder Waayen Sijn Master oer 't Tsjerk bidriuw fen 't Judsche Volk, disputaerende oon alle kaanten sijn letter laepe Lye besprongen wyerde. Dit is it opskrift fen in 22 rigelich fers fen I. I. Stiensma, yn 'e Disputatie» Theologica in qua Vera Hebraicorum rituum origo vindicatur contra J. Spencerum, quam, sub praesidio D. Johannis van der Waeyen publice defendendam suscipit Ibertus Fennema ad diem 17 Jan. 1691. Franequerae, apud Johannem Gyselaar. De 4 earste rigels binne: Het nije sjong-drift driuwt mijn onbedruaene pin To rijmlen, dat her nooit for hinne kaam in 't sin Wei sei ik zjongster mei dok botterlik zjongen Ik hab mijn wijlde sin jet naet yn miet bitwongen. Sjuch it hiele rymstik yn myn opstel Twisken Master Gysbert en Wassenbergh, It Heitelan, 1924, bl. 382—385. X. 1701. Ien lytse Rymelery op het thyge dwaen, fen dy trogh, en trogh firstaanige, gauw, jongh Tzerl Jan Hansma As hy sykere schreune Wurden mei disputearjen goe inaekke. Dit is in 9 rigelich fers sünder namme der ünder, yn 'e Dissertatio Theologica de puero Immanuele ad Jes. VII: 16 quam publice defendet Johannes Hansma, Bolsward, Martii Franeq. 1701. Men fynt it yn myn opstel Twisken Master Gysbert en Wassenbergh (It Heitelan, 1924, bl. 382—83). XI. 1701. Waatze Gribberts Brilloft. Dat is: Acht aerdige en geneuglijcke Uytkomsten: vertoonende de Rechten Boerenaerd, plompe Zeeden ende drollige Reden: Seer geneuchlijck en vermaeckelijck om to lesen. In 't platte Friesch. Gedruwckt midden ynne Wraad. Dizze boerekomeedzje, dy't yn syn earste opset gearstald wêze moat as festeljounstik, is in forfrysking fen „Tewesken Hochtijdt" en „Tewesken Kinderbehr," twa kluchten yn 'e Westfaelske foltstael, dêr't al de wyldens en ünhurigens fen 'e boeren yn it lan fen 'e hantsjemieren oanskoulik ütbylde is. Dy stikken binne yn 1661 en 1687 ütjown yn in samling kluchten tytle Westvaelschen Speelthuyn, dy't ek bifettet de klucht De Historie von SlennerHincken Landlaup, Hellenvaurt un Juffrenhijlck, wer in taferiel fen „poepske" libbens-, tink- en sprekwize. De biwirker hat syn heitelan mei it forfryskjen fen dizze groue stoffe gjin eare oandien. Sokke domme en Ünbiskofte lummels as hjir fcjar rüge tael slaen hawwe wy net yn BftüYLOFT. ; Dat h I atftt actutgc en genmgltife Pvit-feomlfen: tjcrtöonenöe Ut iïufe ten 35aewn&erö / plompe Eeeöen / enbe Djolltge J&öen: &eeVge* * neurtjljjcn en Uermaecnelfjrfc elTo s om te Ieren, sBa&i In t platte Fneichi| Titelblêd fen Waatze Gribberts Brilloft. jier foar 'e earste printinge (1699) joech n.1. de Ljouwter jurist Dr Paulus van Ghemmenich, hskael-generael en boumaster fen Fryslên (forstoarn to Frentsjer 7 Oct. 1704 en biïerdge yn 'e tsjerke Frysldn. Waatze giet fen Marssum lans it galgefjild nei Ljouwert om in publikaesje fen in prokkereur to heljen, „in dat mey de Pistoor den reys fenne stoel oof lesse." Hy hat it oer in I grytman dy't hjit Haanen en bal I yne Waalden to I Eerskernyeo. I Bartholomaeus I forbettert dat yn I Hannibal. Safolle I kin men neigean, det it stik spilet I yn Marssum ef Inglum. It slot fen 'e grytman wier dos yn Bitgum, mar in grytman fen dy namme hat Menamerdiel net hawn. Hwa de ■ forfrysker is, wit I men allikemin. Wol haw ik for» moedens. In pear .1. de Ljouwter jurist dérre), in Carmen Jocoserium üt oer 'e fjouwer jiertiden, dat ünder 'e titel Jok en Ernst yn it Nederlansk oerset is troch Dr. Joannes Sande, hwaens gelegenheidsfersen u.o. steane yn Frisia Nobilis. Dit Carmen jowt in wichtich 17e ieusk tiidbyld fen it Fryske libben yn 'e stêd en op it plattelan. Dêr wirde bisongen hearöljen en ringriden, papegaeijsjitten en slydjeijen, boeremerke en jachtformeits. Dêr wirde forhearlike de fornaemste Ljouwter herbergen: it Wynhüs en de twa Hollen, de Nije Hopsek en de trije Klokken. En dêr wirdt in selskip teikene, dat om 'e hird him formakket mei „Slender Henkes Klugt en groene Vélings reen" (bl. 107). Paulus van Ghemmenich jowt bliken sa op 'e hichte to wêzen fen de Fryske foltseigenheden, det hy hege eagen opsmyt as skriuwer fen Waatze Gribberts Brilloft. Acht kear is dizze klucht printe. De ütjeften binne fen 'e jierren 1701, 1712, 1733, 1765, 1779, 1809, 1820 en 1840. XII. 1702. Trije rimen yn ien bondeltsje üt 'e bibletheek fen J. H. Halbertsma. a. Ien aad Friesk -deuntje azme to Keeamer giet. It earste koupiet is: Kom Gaatsemieg in swiete Jaan, En eeck uwz spijlfaam Geyz! Ik sei jimm' hette niez forslaan, Fen uwz Bolsërter Reyz, Ei ljeeave Botje dog dat fry, Fertel uwz het dat bidwe dy, Soo witte w' hette mej, Ho jimme gong dy dej. b. Noch ien plat Fries Deuntsje. Stemme: As 't begjint. It earste koupiet is: Ik wit twaa Famnin fen Boek-SIeeat, Of stu it ljeeave wotte of neeat, Dy soene to geearre reys baaye Heere wol, In heearre eeak reys verfraaye, Hy versteean mei wol. c. Plat Fricsk Sjongsema Sang. oer dy Dead in Bygrafnis fen dy greate Willem, Keuning fen Engeland. Schotlant in Yrlant. Foys: Kom hier gy Jonghmans wie ghy zijt. It earste koupiet is: Ho klegget nu oat Engelant In dat mey greate rouwe, Al om haer Jonge Graef faijant, Dy edel Prins getrouwe Oranjens klagten binne great In dat al om dy Keunings dead, Dat sil uws eak wol krinke, Wy meije dat fry tincke. XIII 1705. In Frijsk Rijmke ta eagene oan de Hear Ahrt Fin Boerom da zyn Ed: de earste reis as Greatman fin.Doenjewerstel forre wear sieat. de houwer in tweintigste fen Hearstmoanne. Dit rymke üt e kolleksje Halbertsma is neffens it ünderskrift makke troch J. Tadema. tinklik de skoalmaster fen Langwar. Allard van Burum waerd 12 Sept. 1705 grytman fen Doniawerstal. It rymke is: O! wolkom deij, o! oangenamme stüwn, (:Noag begnoarre:) dat 't mate foalk wir jüwn 's, in sinne strieal, in fjoerbeak for de wear, Neij Heijte troaij, fol firddig red en klear Om 's from mans rjüecht, kreaft deadig for to stean, In 't quéa allyk, meij Blixom fjoear to slean; O! Lokkig foalk, jon lokkig lok üwt kriealt, Dat dosk in sinn, ta doar in gleas ijn striealt, Fin 't wearstals riedhüws, dat nü op neijs, Forknotf is, oan in Frijske BOER, OM reijs, Op reijs, de wear, as glansig sinne fjoear, Te oearwalmjen, lieaft din gemient dit stjoear Fin lan in Tjeark, in winsk dat troag zijn han, 't rjuecht jierren lang, to wolstan fin uws lan, Ijn brüwkme bljüet, óndir so in Hear, in scherm, Zit 't foalk atlrjk, in swiete huyning swerm. Grovestins, Leeuw. 1731 (Sjuch oer him De Vrije Fries, v. 249, en v. Haren's De Geuzen). XXII. 1726. Lockwinsckinge oan dy gelearde heag adelyke Heere Eduard Marius van Burmania Hadvester fen Fryslan, in oan dy heag-adelike Jiffer Fokeltie van Harsholte da jae boaske scoenne, troch U. van Elselo, by Jurjen Spandau to Grins, 1726. It docht üs gjin nij, det dizze lokwinsk in Frysk habyt hat. De edelman, dy't him yn üntfangst naem, wier ien fen de meast Frysksinnige ljue dodestiids yn Fryslan. E. M. v. Burmania (30 Nov. 1700—19 Juli 1789) hat jierrenlang him ütlein op Fryske genealogy, aldheidkinde en skiednis. De prov. bibletheek hat in fracht oanteikeningen, dy't er skriftlik neilitten hat, ünder hjar hoede. Hy hie de han yn 'e ütjefte fen de Frisia Nobilis of Lijk- en Grafsampt mengeldichten op diverse Friesche edelen, Ljouwert, 1755, en yn it wichtich boek fen prefester Willem te Water Historie van het Verbond der edelen. Fen him binne ek de Analecta, ef enige oude ongedrukte Schriften van diversen inhoud tot Friesland alleen specterende, Leeuw. 1750. It rymstik op syn brilloft haw ik wer foar it ljocht brocht yn Yn üs eigen Tael, 1925, bl. 36—39. De dichter U. van Elselo wier yn 1730 candidaet vn 'e geometry oan 'e Fryske hegeskoalle. Hy ünderteikenet it fers mei de wirden: „Nei d' ade friessche yen-fadigheyt slieucht in riuecht." XXIII. 1727. Oon Martinus Laurman, do't er dispetearre, 19 Maert 1727, yn Dissertatio theologica, De Velamine Moses ad Exod. 34 : 31—33, praeside D. Hermanno Venema, troch Jan Gerlofs. De earste 17 rigels binne: Ik gyng nou lest te Fraentier lans de striete; Da kamen de studinten my te miete, Ik togt wer ofse hinne vlaen, Ik wol har laever reis neigean. Ja gyngen ijn ien hoes oft wier ien tjerkje, Ik sei, ik scil 't besjen, en wol op merkje; Ik saeg da ta nei mijn verstaon, 'T wier volle moyer as ijn 't laon, Der wier nen boere hier of bonte doeken, Mar wijtte dassen en heel graette proeken. En sa mids onder al 't gewoel, Da gyng ien ijn ien heege stoel, Aek gijng' er jit ien man moi teltsjes rinne, Sa-nei him ta, mar just het leeger hinne. Ien oore trop dij spriek him tjin, Mar do sa makk' hij 't alles schjin, Ik saeg ja koen het alle heel net reitse. It is wer foar it ljocht brocht yn It Heitelan, 1924, bl. 383-84. XXIV. 1729. Journaal van een slimmen togte, der üs kok en ik hieben op voor jier nei Meemlijk; tu, der looij üs schip, om de klugt beschreund in 't jier 1729, om een bigen tu meitjen. Dit rym yn Hynljipper dialekt kaem üt 'e pompieren fen pref. E. Wassenbergh. Ds. H. W. C. A. Visser, de bikende skoalleopsjender, dy't alear yn Warns stie, hie it him yn 1807 stjürd. Sierd Pitters to Hynljippen skreau it yn 1787 oer. It manuskript is yn it Fr. Genoatskip. De tekst is printe yn Yn üs eigen Tael. IX, 48—52. XXV. 1733. Ien Frysk Lof in Vreug Gedicht op het blijiendich vergerjen in de huwelyke staet ven Willem. Carel. Hendrik Friso, en haar koninklyke hoogheid, prinsesse Anna. Ljouwert. 1733, by T. van Dessel. XXVI. 1734. Heyl- Eer- Yn Zegekrans geargefrissele oer de hollen fen syn aldertcoglouftigste Haegheyd W. C. H. Friso in fen syn gelaefde gemalinne har keunninglike Haegheyd Anna wegens har bevestige houwlik in gelokkige oerkomst yn Vrieslan etc. Ljouwert, by Tobias Tjeerds, 1734. Beide dichtstikken yn great formaet en mei gothyske letter printe binne it wirk fen Petrus Theodorus Couperus, berne to Ydaerd 1657, studint to Frentsjer 22 Maeije 1677 en dominy yn Wargea 1685—1735. It earste is op 'e nij printe yn myn opstel Bare selsum Middenfrysk Rymwirk. Yn üs eigen Tael, 1925, bl. 85-88. XXVII. 1734. Gelokwensching Oer dy Boosck fin Zyn Trogloftige Haegheid Willem. Karei. Hindrik. Friso, Trog Gods belaeven Prinse hn Oranje en Nassau mey har Keuningklyke Haegheid Anna. Kroonprinsesse hn Graet Brittanje. fen Simen Althuysen. Sjuch: Friesche Rymlery fen Althuysen, Liouwerd, 1755, bl. 37.—50. Moai is de oanrin: Steek nou piktonnen oon in lit dy klokken klinke; Sjet dattet davert, slag op trommen lyts in great, Blies op trompetten, lit Oranje findels blinke, Yn Frieslan wier min noyt yn sokken blyeden staet. Dit oranjefers is earst apart ütjown en yn oare stavering. XXVIII. Klein Versboekjen van F. Feikens, Leeuw. 1736. Dit skoalleboekje bifetttet alderlei spreuken en foarskriften. It is wol opmerklik, det men dotiids al mei Frysk yn 'e skoalle pielde. Oermits de Leidske bibletheek it hanskrift hat, kin it gjin kwea hjir inkele rymkes oer to nimmen: Eas d' Hikk' is vin de Daam za leid het Lan veft iepen dan vind de kouw, en 't Laam, ooral mey Kael, en schiepen Dat nouw uis Prinse Mem, reis Orre wierd vin Prinsen, za kriggen wij wer klem op 'd ade vrijse grinsen. Za as de Aden sjongen, za piepje oek har jongen. za sprieken al vin oads de Lieuwe wij litte dit de wierheid blieuwe. Der 't wol sil gean, der tjinnet zorg oom zoon reeds dien, vor wer te valle meij tavlean mei de veste Borg Geloof, meij laefde, boppe alle. Der laefde meij geloof net vet, Der is nin deugd, zat 't haert te waesen, za Paulus in zyn Brieven zet, elts meij dat wol reis tyge laese. Heb. 11. 1 Kor. 13. XXIX. 1739. Ien lytse Rymlery op 't booskjen fen Doomnie Columba mei ien laef lijst stedfamke Duifke Rodenhuis as dij twa trouwd wierne de 13 Sept. 1739, troch Willem Columba, theol. stud. Sjuch: Fr. Rymkes troch M. de Haan Hettema, bl. 180—182. XXX. 1740. Uit Freunschap makke op 't trouwen fen Japik Renalda mei Maike Midwerda. aes dy twa geerjon waerden ta Frentjer 1740. Sjuch boppeneamde Fr. Rymkes. bl. 173-179. XXXI. 1742. Tojefte oon de Meniste Gemiente toe Buitenpost, troch Sjoerd van Dokkumborg. learaer fen *e Mennisten yn Westsaen. Dit gedicht yn 12 seis-ryglige koupletten stiet efter de preek Davids Liefde tot Gods Huis (Ps. 26:8). dien by de ynwijjinge fen 'e nije formoanning to Bütenpost troch Age Wijnalda. menniste learaer to Haerlem, en is opnommen yn it Fr. Volksalm. fen.:i888. bl. 126-128. De beide léste koupletten binne: 01 dienen alle menschen so, Dat sy, fen de suwnnen ruwnnen En fleagen ney Haed Jesus to, Om rein te wurden trog syn wuwnen! Den hiense her hier en ney besorge, Want for dy yennige is hy Borge. Nou eynje ik mey dit besluwt: Dat uz et hymmels herte-njue Mey drieuwe to uz salme uwt, Opdat wy mey de fromme liu De hymmel porte binnen reytse, En yvig uz yn Goad vermeytse! XXXII. 1748. Brulloftz-Rymke op dy traeeftigge jonge lieuwe Dy brauwe Feint Klaas Ypei, proffaester yn dy rekkenkunst toa Fraentjer in Dy goedlykke jonge faam Lyske Smit gaerkaeppele dy 7 hnne Haemoanne ynt jier 1748. In gedicht fen san 125 rigels makke troch ds. Johannes Couperus to Augustinusgea fen 1720—77, yn Carmina Collecta XIII, Prov. Bibl. XXXIII. 1749. De Winter in drie zangen, Leeuw. 1749, troch Boelardus Augustinus van Boelens (skülhamme B. Bornius Alvaarsma frisius), mei opdracht oan syn frjeon Jhr. Hessel Vegelin van Claerbergen, grytman fen Haskerlan. Yn 1765 wjudde er it nei en brocht it foar it ljocht yn De Honingbye dl. II. bl. 1-50, in wichtige samling dichtwirk yn 6 dielen by Abraham Ferwerda to Ljouwert, 1765-71, en mei printen fen Rienk Jelgerhuis. De dichter (berne to Ljouwert 5 Sept. 1722. stoarn to Hirdegaryp 9 Nov. 1777) mieiet mei sprekkende kleuren in bünt fwMkaet fen bylden üt it Fryske foltslibben: it müdhounfiskjen, it fükejeijen fen patrizen en it slipen fen redens mei in mounle, dêr't in hynzer yn rint. Wy komme yn 'e kinde mei de „kierebuik" (rydtüch), de Poalske slide, de peaskepronk fen 'e fammen en mei Pier, dy't op ien dei de alfstêddetocht docht. En dêr struit er rjü Fryske wirden en sizwizen mank. XXXIV. 1725. Clarissa, of de Historie van een jonge juffer, roman yn acht dielen fen Samuel Richardson, üt it Ingelsk troch Johannes Stinstra, menniste learaer to Harns, by V. van der Plaats to Harns, 1752. Yn dizze sedekindige roman komme alderlei Fryske sprekwizen foar. Stinstra seit yn it foarwird: „Ik wil daarvoor gaarne verschooning verzoeken aan Hollanders, die zich daaraan stooten mochten, ofschoon ik niet begrijp, waarom het gemeene volk in de eene provincie van Nederland het voorregt zou hebben boven de andere om der taal de wet te stellen." XXXV. 1754. Oon dy Trog wiese jonge feynt Anders de Lange da hy iepentlyk diffendaerje soe. Dit rymstik stiet efter de Disputatio de S. S. Euangeliis ad Apocryphos quosdam libros non accomodatis, quam defendit Andreas de Lange. Franeq. 1754. Makker is Mollerus Couperus, tinklik in pakesizzer fen de Wargeaster dominy. Hy wier learaer yn Wüns 1763—68. Sjuch de tekst fen it fers yn It Heitelan, 1924, bl. 384. XXXVI. 1755. Op dy byrymde Salmen fin Dom. J. Althuisin, pastoor oppe Hiaure en Bornwird, Gedicht fen Foeke Sjoerds, Schoal-master toa Nytzjerk yn 't eaest, foar it oorde diel fin dy Frieske Rymmen, toa witten, dy hündert in Fyftig psalmen hn Titelprint fen De Honingbije. David mey dy oore löfsangen byrymme trog Gysb. Japiks by ads schoaltyenner toa Bolserd, in Jan Althuysen, jinwurdig pastoor op dy Lytzc Jouwer. To Liouwerd by Wyger Wygcrs, Byndcr in Forkeaper oppe Kelders, it Fyourde Huwz fin dy Kuwrmeytsers Pyep, der dy Rotterdamse Erasmus uwthingget, 1755. Dit fers fen 'e skiedskriuwer Foeke Sjoerds is: Sjog nou reis Fryssche Boer, di ade mei de jonge, Hoa dat hier ien Pastoor opt Fryssche boers kin sjonge; Althuysen is di man, hy kennet wakker dwaan Hy hoeft yn dizze kinst om nimmen naet toa jaan: Hy pligt bi Faebus-om aeaek altemets toa kommen En het op Pindus higt' forgaerre folie blommen; Hy rymmet forre foest, in makket watter wol, Hy schrieuwt fen rymmery aeaek heele boeken fol. Hy kin di miette in tred forschrikte tygge reitse, In oppet aldermoist syn brauwe digsels meitse. Min seag toa foren aeaek fen him wol mennig stik, Soa biuester mooi fen wird, fen ynhaad in fen schik; Nou het hy waer dit wirk oer Davids Salmen makke, In op di ade groon forschaate ekers hakke; Der Gysbert japiks lang for dizzen lizze liet, Dit fangt hy nou wer oon, in 't smakket him soa swiet. It lykket dat di man naet raeste kin nog sitte, Al soe hy dei bi dei fen al syn drokte zwitte. Soa blieuwt nog in 't forstaan di ade friessche spraak, Soa sjonge Lieuwe in 't laan, mei wakker zwiet formaak. Ei Lanslieuw lit dit wirk jimme altemets formeitse, Forstaen jimm' 't yn dy groon, soa silt toa zwietter smeitse: Lit 't wraadsche sjongen oof en laes dit dei by dei, Wa wit wat betterschiep soks in jimm' bringt toa wei. Bitankje Domeni for dit syn brauwe schrieuwen, In hoopje dat hi lang yn dizze wraad mei blieuwe: Wes blied mei dit syn wirk, en siekje 'r nei to dwaan, In bid uws laewen Heer, dat di Syn Geest mei jaen, Dat di uws allegearr' mei stjoere nei hier boppen, Om mei ien moele in hart Him iewig oon toa roppen, Der nin foröring is fen wirden yn di spraak, In der min sonder ein bifynt het graest formaak. Hjirmei binne wy oankomd, dêr't wy wêze moatte, n.1. by de Althuysens. Dit relaes, dat yette wol oanfofle wirde koe, moast efkes foaropgean om twadderlei reden: 1° om kenber to meitsjen, det der yn it stille tiidrek mear hea op 'e foarke kaem as men mient; 2° om sjen to litten, det yn en mei master Gysbert in hichte optoerket mids tige leech lan. Dy almenakstikjes, dy gelegenheidsfersen, dy't wy opsomme hawwe, binne net fen hege hecht en fine wirdkar. It is allegearre wirk sünder pretinzje, foltsskriuwerij, mar dêrom net minder to weardearjen. Sjucht men ek net mei nocht nei in letterdoek en in stik Hynljipper houtsnijkinst mei hjar bernlike motiven? Dizze foltskinst wol ek net mear wêze as hja is. En yn dat formidden hawwe wy ek de Althuysens to sjen, al steane hja wer boppe Couperus en de almenakskriuwers. Yn 'e jierren 1740—50 wierne hja de Fryske gelegenheidsdichters, dy't mei sa'n fjirtich greatere en lytsere fersen de heechtiden fen frjeonen en goekinde, it ljeaf en leed fen it Fryske heitelan bitochten. Simen Althuysen wier in Frentsjerter boargerman „op it Fliet," in wolkammer, lyk as de forneamde „stjerresjitter" Eyse Eisinga. Hy hie konversaesje mei de deftichste ljue fen 'e stêd, bynammen mei keapman Japik Tiboel. Men moat yen tinke in earnstich, gemoetlik, tsjerkelik man. Tongersdeis seach men him op 'e merk mei in ponge jild om ynkeapen to dwaen. Faek ek koe men him treffe yn syn tün oan it „blomkjen." Do't nei de hirde winter fen 1740 einlings de mylde sudersinne it ierdryk swietsjes iepenloek, klaude er it hyasintebêd om, mar — al de bollen wierne dea. Hy stie der bidêst fen, tocht der oer nei en naem it bislüt syn hert hwet minder op 'e blommen to setten, en hwet mear yn Gods Wird to lézen en him sterker to meitsjen tsjin 'e wrald en hjar bislommeringen. Syn frjeon Tiboel hie ek in tün mei in thékoepel deryn en in singel deromhinne, alles büten 'e stêd fen Frentsjer. Dêr plöken syn bern apels en parren, kersen en strinkjebeijen; dêr hie er bédden mei blommen, Roamske beannen en ierdbeijen. Simmerdei dronk er yn 'e koepel mei syn folts, frjeonen en sibben thé eri in glês wyn nei. Althuysen wier mannich reis ek fen 'e partij. Do't syn gasthear fyftich jier waerd, moast der in fêrs by. Althuysen dichte: 't Wier in sprekwird fen dy alden: Fyftichjier dy heechste krêft, En, sa ik 't wol hab ünthadden, Meijertiid sa giet men sêft. As dy grize tsjerkhöfblommen Om jins alde holle stean, En de dei bigjint to kommen Det jij mei in stök moatt' gean Om Jins skonken 't ünderskoarjen For it fallen en mear kwea, As jins flêsk kom to fortoarjen Om jins alde stramme lea, En de dead bigjint to tromjen Oans jins wenning, wird net kei As jy reitsje oant it forklomjen, Liz jins holle flitich del Treastje dan mei Paulus' sizzen: Brekt de dead dit ierden hüs, Ik gean stil en rêsüik lizzen Nim de himel for myn thüs. Tiboel syn wiif wier de blierhertige en sêftsinnige Geartsje Pothof, dy't de godstsjinst forstie en soarge det hjar bern. fjouwer jonges en twa famkes. mei nei tsjerke giene. Simen Althuysen forhearlike hjar yn syn hüslike poëzije. En op hüslike feesten waerden sokke fêrsen foarlêzen en songen op 'e wize: „Hwer scil ik myn kleijen einje" ef „Fen 'e toer fen Babel" ef „Polifemis oan dy strannen," ef „Rosemule laei biditsto." Dizze poëzije stie net op heech peil. En fensels in fromme winsk hearde dêr oan it einbislüt by: As jins ürwirk fan ófroun is, En jins libbenstiid forflein As it dan jins stjerrenstoun is Winskje 'k jou in sillich ein Det Jo blij en blier hjirnei Meije halde 't great jierdei. Ef: Det jy, as jy sêd fen dagen En fen jierren binne Ald, Sêft fen 'e ierde meije skiede, Büten pine, büten lést, Dan wol Jo de Heechste liede Yn Syn Sill'ge himelrêst. De wearde fen dit rymwirk sit net yn it litteraire, mar yn it feit, det yn 'e stêd fen Frentsjer, yn 'e akadeemjestêd fen Fryslan Sjong in nij liet for God üs Heare, Hwent Hy die wonder dizze stoun, Syn heil'ge earm fol krêft en eare, Syn rjuchterhan hat Him heil jown. De Heare hat Syn heil forkiearre Oan alle ljuwe fen rounom Hy hat Syn rjuchten allegearre Untditsen for it Heidendom. Althuysen is for de wijde taelskat fen heech bilang. As men yn Fryslan earnst meitsje scil mei it tinkbyld fen in nasjonale tsjerke, mei Fryske liturgyske skriften, mei in Fryske bibel en psalmboek, den scil men Althuysen acht slaen moatte, dy't alderlei kwesjes, dêr't de liturg foar komt to stean, oerköge hat. Ik bin it iens mei Dr. J. G. Ottema, dy't yn it Fr. Volksalmenak, 1844, bl. 100 skreau: „It is nuver, det yette nimmen net him öfjown hat mei de Althuysens, wylst safolle oer Gysbert Japiks skreaun is. Hwent al set men hjar dichterlike fortsjinsten leger, men kin hjar net alle fortsjinsten üntsizze, as men hjar mei oare dichters fen hjar tiid forliket en yn it each haldt, ho leech de dichtkinst yn 'e earste helt fen 'e foarige ieu yn Nederlan sonken wier. Sjuch: Hulde Gysb. Jap. II bl. 308; deselde, Petrus Wierdsma, Petrus Brantsma en Eelke Meinderts yn Vrije Fries dl. IX, 301—326; A. Postma, yn Tijdschr. voor Nederl. Taal- en Letterk. XII, N. R. dl. IV, 1893, bl. 268—278, In hoeverre het type „Slenderhinke" in P. Langendyks „Zwetser" oorspronkelijk is; H. Jellinghaus, Westfaeischen Speelthuyn, yn Liter. Ver. 147; deselde yn Grundriss der Germ. Philologie von H. Paull II 1, s. 386; D. H. Zijlstra, Frysk Toaniel yn Swanneblommen, 1921, bl. 57; P. Sipma, De oorsprong van het Friesche Tooneel, yn De Vrije Fries, XXV, bl. 141; O. Z. van Haren, De Geuzen, Vaderlandsch Dichtstuk, Amst. 1785, zang X, bl. 93 en L. A. Rademaker, Didericus Camphuysen Gouda, 1898; C. Sepp, Johannes Stinstra en sijn tijd, Amst. 1866; J. Knappert, opstel yn De Vrije Fries, XXV, 1—31, Stadhouder, grietman en predikant; A. Telting, Eenige levensbijzonderheden van de dichters S. en J. Althuysen, yn N. Fr. Volksalm. 1853; Ottema, ibidem, 1844, 99; Fryske Hiisfrieun, 1853, 125; N. Biogr. Woordenb. II; W. Dykstra, yn Slj. en Rj. 1897, bl. 97, 106. GEORG FREDERIK BARON THOE SCHWARTZENBERG EN HOHENLANSBERG OAN üs Great Plakkaet- en Charterboek, de monumintaelste ütjefte, dy't ea fen Fryslan ütgien is, bliuwt de namme forboun fen Baron Schwartzenberg, en it leit yn 'e reden om for dizze opstelrige to freegjen. hokker man wier dat en ho kaem dy steapel steatlike folianten, dy skatkeamer fen Fryske foltsrjuchten, to wrald. For it bianderjen fen de earste fraech moat men nei Bitgum. Dêrre yn de tsjerke leit de baron syn foarfaer biïerdige, Johan Onuphrius. frijhear fen Schwartzenberg, in Beijerske kolonel fen keizer Karei, boaske mei Marie Grombach pakesizster fen ridder Martena. dy't yn e jierren 1545-84 op de Martena stins ef Great Terhorne to Bitgum wennen. Hja waerden. alhowol fen ald-Frankysk bloed, yn 'e Fryske adel opnomd troch h,ar bteibbens oan de Martena's. De baron syn heit. Georg Wolfgang, dy t yn alle hege steatskolleezjes siet. kaem ier to forstjerren. wylst syn soan de lytse Georg Frederik (berne 23 Sept. 1733) amper fiif jier ald wier It boike hie aldergelóks in trefiike mem Francoise Wilson de St. Maurice en net minder kindige gouverneurs, dy t op e stins thus leinen en him danich biwittenskippen. Sa waerd hy foarme ta Frysk edelman nei de trant fen dy dagen. Hy learde de tael fen Cicero en Homeros. .Hy learde ek hynsteriden. skermjen mei de degen en roersjitten. Hofiike manearen waerden him hiem yn it adellik formidden dêr't er yn opwoech. As jongfeint fen achttsjin jier forliet er 25 Septimber 1751 de foaralderhke stins om as ..eq«» Frisius" (Frysk edelman) ynskreaun to wirden yn it album fen de Frentsjerter akadeemje. Der foun er in hiele kloft stangeneaten. allegearre Fryske Jonkers. Aylva s en Burmania's. Vegelins en van Heemstra's dy't er great op wierne Fries to wêzen en Frysk prate to kinnen. For syn takomstige posysje keas er de rjuchten ta fjild fen stüdzje. De man, dy't op dat paed syn liedsman waerd,'wier de geniale Frentsjerter prefester Christaan Hendrik Trotz, in gelearde, dy't in iepen each hie for de swakke kanten fen de jurisprudinsjeyn dy dagen en dy't him fen de alde sleur wist los to meitsjen om nije banen to siikjen. Hy gie by syn ünder- wys üt fen it libben. It heitelanske rjucht wier him it founemint for in fruchtbre rjuchtspraktyk. Dêrtroch kaem op syn kolleezje in nasjonael stimpel to stean. Hy forklearre foar syn studinten de Fryske wetten, de artikels fen de Gentske pasifikaesje, fen de Uterske Uny, fen it toalfjierrich Bistan en de Munsterske frede. Fierders liet hy de akademyske jeugd frij yn it gebrük fen de Hollanske tael by it disputearjen. Do't Trotz bineamd waerd ta heechlearaer to Utert, foei de profetemantel de jonge baron oer it skouder en wier hy it, dy't it findel fen it heitelanske rjucht boppe alles ütstiek. En sa drok koe er it net hawwe mei syn hüshalding, mei syn Frysk heitelan en mei syn gritenij — hy boaske yn 1758 oan Sophia Elisabeth grevinne d'Aumale, waerd yn 1760 Dippetearde en yn 1766 grytman fen Menaldumadiel — eft yette altiten koe er tiid hne for syn ljeavlingsstüdzje, dy't er seach tsjin de brede eftergroun fen syn wiidomfiemjende geast. Godstsjinstich, tsjerklik, wittenskiplik, maetskiplik en Frysk-nasjonael wier baron thoe Schwartzenberg in universeel man. In man fen jister, ek fen hjoed, ek fen moarn, — in idealistysk demokraet. It tij fen it Dortsk biwald en fen de Dortske learienheid wier yn syn dagen wakker oan it forrinnen, al mienden de trouhertige 18e ieuwers, det hja yette altiten like suver yn 'e lear wierne as de foarfaers. Men koe dy waen hjar net euvel nimme, mar Bodders yn 'e Fryske Striid 22 Schwartzenberg seach wol, det de tiidgeast oare patroanen weve yn it alde bisfek. Dêrom like strakke leartucht him gelierlik ta en naem hy it op for in dominy. hwaens namme y»dy dagen op de greate tromme wier, n.1. de bigaefde ds. Gerardus Theodorus de Cock to Harich. Dizze haldde 3 Febr. 1765 yn e greate tsjerke to Ljouwert in preek oer de Kristlike ljeafde nei oanlieding fen ïoh XV • 17: „Ik hjit jimme. det jimme inoar ljeavje. It wier in pleit for godstsjinstige fordraechsumens. Hy rekke dêrtroch yn tsjok waer mei de Kalvinisten. dy't profetearren. det de tsjerke lans dy wei hjar ündergong tomiette gie, en dy't ta wachtwird hiene: Wei mei alle toleransje. yn it spier for it hanthavenjen fen de wiere leare! Dêr kaem yette by. det in opstel fen Voltaire. dat ek oer de fordraechsumens gie en yn it Hollansk fortaeld wier, to Ljouwert it ljocht seach. De Fryske Steaten hiene de forkeap fen dit fiuchskrift iepenlik forbean. Mar it greate publyk, dat hast altiten bisiden de wierheid is. brocht dominy syn preek yn forban mei it pamflet fen de „aertsspotter." En do wier it hielendal hommeles. Tsjerkerie. klasjes, hegeskoalle. it regear en de prins bimoeiden hjar mei de saek. Dominy scoe it grif syn ampt koste ha. as er yn baron Schwartzenberg gjin biskermer foun hie. Dizze bisoarge him it birop fen Bitgum en wist safolle to biwirkjen det er as dominy oanbleau. Dippetearden kindigen in godsfrede öf en dermei wier de kwesje üt. , Men kin fen tinken wol ha, det de Cock. dy t in man fen de pinne en fen de stüdzje wier. jimmer op de stins in golle. tnje ynkomst hie. Hy hat den ek by de dea fen syn woldwaender in skbander tsjügenis óhein fen heechachting en frjeonskip yn in lykrede De vlugtige vergankelikheid van den stervenden mensen. 1 Petr. 1 :24a. <• j • i, Yn it jier foar syn dea roerde baron Schwartzenberg him danich yn de «triid kontra Oranje. Willem V hie hjir do immen yn tsj.nst, dy't de saken for him alhiel op in forkearde menear biknoffele. n.1. Charles Bigot, boargemaster fen Starum. lid fen de SteatenGenerael for Fryslan. Dizze regint hie abslüt gjin slach om de Friezen to stjüren. As er syn sin net krije koe. bigoun er to kettermintsjen as in tsjettelboetser. Fierders stie er trochstrings yn brieveforkear mei de hertoch fen Brunswyk. in aertsfijan fen e Friezen, dy't hjar ütmakke for divels („ces diables de Frisons ). It skerpe pamflet Aan het volk van Nederland fen baron van der Capellen, dêr't alle lek en brek fen it steedhalderlik biwald yn bleat lein waerd, die de doar ticht. Yn ien wird de Prins rekke it kredyt by rjue Friezen kwyt. Party dominys diene gjin gebet mear for him op 'e stoel. Min stjürde him anonyme stikelbrieven en baron Schwartzenberg waerd oansjoen for de skriuwer. En dat wier gjin wünder, hwent hy en Coert Lambertus van Beyma dwersekeren de prins safolle müglik en hja makken de stêd fen Frentsjer ta in bolwirk fen • patriottisme. It gie hird tsjin hird. Hja neamden Bigot in okse, hy hjarren belhammers. Hie de dea net twisken beide komd, de baron scoe mei Beyma grif yn St. Omer bilanne wêze. Syn léste wirk oan dizze kant fen it grêf, wier it neisjen fen de printkladden fen it Great Plakkaet- en Charterboek en syn pleit for in leger kwotum yn de generaliteitskas ta bate fen Fryslan. Do oerfoel him de dea. Hy hie de böge to sterk spand. Op it bést fen it libben, 50 jier ald, laei er staf-oer-nacht de wize holle del. Prefester Wassenberg, dy't yn heitelanske fielings ien mei him wier, makke in lyksang op syn öfstjerren (Harns, 1783). Ds. P. Nota to Beltsum, gjin sunich patriot, bitocht him mei in Latynsk kleiliet. Sjedêr ien en oar üt syn libbensrin. En nou syn libbenswirk. Ik haw al wiisd op syn ljeafde for it heitelansk rjucht, dy't er erve hie fen syn learmaster Trotz. Mar dit forklearret yette net de mooglikheid, det in machtich wirk as it Great Plakkaetboek, lyk as gjin provinsje yn Nederlan hat en der't hünderttüzen gounen for ütlein binne, ta stan kaem. Dêrta moasten de tiid en de tiidgeast meiwirkje. Nou rollen fen twa kanten, üt Frankryk en Dütsklan, weagens fen nije kultuer oer üs Noardsé-iggen. Yn Rousseau, de apostel fen de natuerlikens, waerd de wünderfügel towekker, dy't syn liet song. Tüzenen stieken de earen op by it lüd, dat ütgie fen de fjouwer wirken, dy't it byld foarmen fen syn wraldsköging, n.1. Lettre a d'Alembert, Nouvelle Heloïse, Contract Social en Emile (1757—62). Ut dizze „fjouwer Evangeeljes fen revoiusjonair idealisme" lóge in grille gloede fen frijheidsljeafde. Men krige in oar ynsjuch yn wet en regear, yn maetskippij en rjucht. En de ynfloed dêrfen koe net ütbliuwe op it gebiet fen wittenskip en Ünderwys. Binammen de stüdzje fen it alde folksrjucht waerd dit gewaer. To Grins joech prefester van der Marck lessen yn heitelansk rjucht (1700), lyk as Trotz yn Frentsjer. In hele kliber oansjenlike tahearders wenne dy kolleezjes by. Dit joech oanlieding. det in ploechje de han oan it wirk sloech om hjar yn dizze stofte mear to oefenjen. Hja stiften it genoatskip „Pro Exolendo Jure Patrio" (24 Jan. 1761). Prefester Nicolaas Engelhard haldde de iepeningsrede oer it Üntstean fen de wet yn 'e boargersteat, en der koe men Rousseau klear üt priuwe. Dit genoatskip laei him al gau üt op de publikaesje fen ald-Fryske rjuchtsboarnen en binammen de Fivelgoaër gelearde Mr. D. F. J. van Halsema op Rusthoven to Wirdum (Gr.) hat mei syn ütjefte fen it Hunsingoër lanrjucht. syn standertwirk Staat en Regeeringsvorm der Ommelanden syn spoaren fortsjinne. Baron Schwartzenberg wier al aenstouns lid fen Pro Excolendo en hie üt en troch brieveforkear mei de foarnaemste meiwirkers. De Dütske Romantyk mei hjar ynlike ljeafde for it forline en for de poëzije fen it folkslibben en it folksrjucht spriek ek in wird mei en sa waerd it in gouden tiid for de bou fen in skatkeamer for it Fryske foltsrjucht. En do't Hollan foargie mei de ütjefte fen van Mieris Oorkondenboek (1753). woe Fryslan net binefter bliuwe. , Nou wier baron Schwartzenberg èn troch posysje en troch witnis krekt de man om for in saek as dizze de lieding op him to nimmen en it bistek ré to meitsjen. Hy siet den ek mar amper yn 'e Steaten eft hy bigoun nei alde stikken to sneupen en dér in chronologyske list fen oan to lizzen. Do't er dizze einlings foar *e hearen brocht, ornearren hja, de list moast printe wirde (31 Aug. 1764). Hja seach it ljocht Ünder 'e titel Register van varbonden, zoenen, accoorden. privilegiën, zullende dienen tot uitgave van een Groot Placcaat- en Charterboek van Vriesland, Leeuw. 1765 Fierders krige er folmacht. alderlei kolleezjes oan to skriuwen om boustoffen for it wirk to leverjen. Hy rekke ek yn brieveforkear mei de Haechske abbekaet. Mr. Hendrik van Wijn. de greate pionier fen it algemien Ryksarchyf. dy't yn de alde charters for master opsloech. De stikken dagen sa by de rüs op. det de taek for ien persoan to mansk waerd om alles to skiftsjen. oer to skriuwen en to ündersiikjen. Dêrom bineamden de Steaten as helper Dr. Nicolaas Tholen, in Ljouwter üt East-Frysk skaei en tige mei it ald-Frysk op 'e hichte. Dizze knappe abbekaet hie earder al it plan makke om mei Dr. Adrianus Heringa in nije ütjefte mei fortaling fen de ald-Fryske wetten to bisoargjen. Trije jier oanien hat er oan it Plakkaetboek arbeide. Diel ï, great 796 blêdsiden en rinnend oant it jier 1499, seach yn 1768 it ljocht. It bifette Ünder mear de Lex Frisionum mei in Hollanske oersetting fen de Ljouwter rektor Meinardus Tideman, letter heechlearaer to Leiden. Twa jier gie wer hinne mei it biwirkjen fen diel II, do't ynienen Tholen kaem to fallen as offer fen it steech bodzjen. Schwartzenberg hie wol oare helpers lyk as Dr. Gysbert van der Ley, Petrus Wierdsma en de gouverneur fen 'e stins Johann Frederik Mauritz Herbell (1752—1819), mar it miskearre oan sekuer tasjuch. Dochs kaem yn 1733 diel II, great 875 blêdsiden en rinnend oant it jier 1542, klear. Dêr stiet ü.o. it Annael ef Lanboek fen Keimpe van Martena (208 bl.) yn, en as ynlieding hat it in wiidweidich opstel oer de wittenskip, dy't de namme hat fen diplomatyk ef oarkindeleare. Yn 1778 forskynde dl. III, mei 1227 blêdsiden en rinnend oant 1578; yn 1782 dl. IV, mei 1287 blêdsiden en rinnend oant 1604. Mids it Ófprintsjen fen dl. V frege de dea wer in offer, de baron, de lieder fen it wirk. Earst by resolüsje fen 10 Maeije 1786 ornearren de Fryske Steaten, it Plakkaetboek moast öf. Herbell krige opdracht en yn 1793 seach diel V mei 1261 blêdsiden en rinnend oant 1686 it ljocht. It printsjen fen dl. VI waerd stopset troch it ütbrekken fen de revolüsje. Der kamen nou oare hearen en oare wetten. Yn losse bogen waerd dit léste diel, dat roun oer de jierren 1686—1705 forkoft. It is tige seldsum. Herbell die yn 1802 yette war om mei it wirk troch to gean, mar oan syn winsk is net foldien. Wol stelde baron Jan Adriaan van Zuylen fen Nyevelt, gouverneur fen Fryslan (1826—40) prikken yn it wirk om it skip wer hot to krijen en naem dêrta de ald-heechlearaer Mr. J. W. de Crane to Frentsjer yn 'e earm, mar herders hat it gjin ütkomsten hawn. Allinnich hat archivaris J. van Leeuwen letter in register makke op de seis dielen en yn 1850 binne ek op rekken fen 'e provinsje yette de Beneficaelboeken printe. Schwartzenberg syn reuzewirk is net óf, mar Fryslan kin op dizze swiere folianten mei sa'n 6000 blêdsiden greatsk wêze. It is it öfskie fen de Fryske adel. Ieuwen lang hie hja de skepter swaeid, it swird skerpe en de pinne Berd ta heil ef ünk fen it heitelan. Do kaem de revolüsie. En nou is dit boek de léste erfenis. Jhr Idsart Aebmga van Humalda. gouverneur fen Fryslan (1813-26). de learde Gysbertkenner, spriek yette in wird for Fryske eigenens. Do folge noch Jhr. Montanus de Haan Hettema. Mar dêrmei gie ek de adel as lieder fen it Fryske nasjonalisme fen it toaniel. Sjuch- W. B. S. Boeles. Frieslands Hoogeschool ^euw 1872^1 ». Jl. W iT Gedenkschriften van Gysbert Jan van Hardenbroek (1747—81) biwirke T l' nr 4 1 van der Meulen, yn de Wirken fen it Hist.-Genoatsk.p to Utert. trochDr.A J.van der Memen yn Eekhoff, Geschiedenis van de 86ne " 'nin. en £ v G P en a van Friesland in De Vrije Fries. VlTTmlM K4gensfh ; W W. van der Meulen, Coert Lambertus van Vil (185ö), oi. " g4 ,45. Diest Lorgion, Geschiedenis der HeraKerk van Sandi, Nieuw Ne^derf Biogr. Woordenboek, III, bl. 1157; ScTeitemï S^Tederland. II, bl. 302; Van Sminia.<**g™% JJf Friesland, bl. 184; Ypey en Dermout Gesch der Ned Her, KerVdl U 9 hl 519- Teeenwoordige staat van Friesland, dl. II, 419, De wal, urano de Clar Fris JmeconsTbl. 326, 425; Historisch verhaal der zaak van d^ de Cock,W^- liotl Tweetal leerredenen, 1781, bl. 27, 64; M. de Jong Hzn., Joan Derk van der Capellen, 1921. FEIKE HIDDES VAN DER PLOEG DER scoe in moai boek to skriuwen wêze oer it letterkindich libben fen üs Fryske stêdden yn 'e 18e ieu. As it allegearre ris opikkere waerd hwet dêr lezen, skreaun, dichte ef komeedzjespile is yn plakken as Ljouwert, Harns, Dokkum, Makkum Warkum ensfh., scoe men de hannen gearslaen. En daelk scoe men de Fryske ynslach sjen. Seis by in ynternasjonael oanlein man as dr. Simon Stijl to Harns (1731 — 1804), dy't like goed thüs wier yn Homerus en Virgilius as yn Voltaire en Kant, kin men de bitroudens mei G. Japiks fêststelle. Yn syn neilitten dichtwirk (1837) hat men in Nederlanske oersetting fen Op it Höarzhoffenjen fen Jieffer Sibille fen Jongstal (bl. 39), en dit fers op 'e Boalserter master (bl. 103): De schrandre Gysbert vloeit in honigzoete dichten Op zijn geboortegrond, gelijk een klaare vliet, Of bruischt ais een rivier «m voor geen dam te zwichten, Met Friesche eenvoudigheid, die uitdrukt wat ze ziet. Had Vondel hem gekend, kon Holland hem waardeeren, Hij zou naast Vondel staan, maar nooit dien rang begeeren. Yn datselde Harns joech P. Ferwerda, dêr't wy herders neat fen öfwitte, yn 1767 by Klaas Swerus in Frysk feestlied üt yn fjouwer sangen, tytle Het Vrolyk Geselschap van Friesche boeren en boerinnen, ta gelegenheid fen steedhalder Willem V syn boask mei prinsesse Wilhelmina fen Prusen 4 Oct. 1767. In eksemplaer hat it Frysk Genoatskip. De fjirde sang is: Dat sjongt Abe mey de Feynten en Fammen op dy wiese fen O Willem Friso Prins en Forst, dat de Dokkumer Fammen voor syn Heyte en Mem der habben songen. Fammen. Sjug, der is Abe fen Wielsryp! Abe. Nou kin ik donsje de horrelpijp! Willem het Boaskje, oon Nuft Freedrijk Famkes ik donsje my wurg en bryk. Yn itselde almenak is ek noch opnommen in Tajift by eltjoor brocht troch ien Boere Soon yn Frieslaan. Sjedêr in priuwke: Juljus. Nou te fielde Haentemieren, Lit dy Seyne lustigh swieren, Trog it gers en blommen fraey, Jeijer him trog al mey ien swaey. Hjer folget de Leeuw, de Keuning fen alle fjouwer foetige djyer, forsjoen mey forschate blinckende Stierren, wier onder twaa finne, ljechste oone Hymil, d' iene ynet hert en d' oore yne stirt. Hoe heerlijck isset, dat ljoe fen ien hege stam en staet mey ljechtinde gaven forsjoen binne, besonder fen ien heegforljecht hert, en mey ien tref lij ck gefolgh, dat oofbeelde wirt trogge stirt. Dit isset der alle Ondirdanen ney eegje, as ney ien heldre Sinne, en dat herr' ta rjouchte bringht fen alderley dwaalwegen, het is ien kroon fen 't laan, ien schut for dy frome, ien schrik for dy booze, ien plegtanker in storm en onwaar, ien heelplaaster for alle binnenlaansche wondin. Dirom dy Ondirdanen, dy socke Rejenten habbe, mogge God ten haechsten tanckje en herre ljeff habbe. De man, dy't Maaike wer foar it foetljocht brocht, wier nimmen minder as de Grouster bflterkeapman Tjalling Halbertsma. Yn 1830 biwirke er De Reis fen Maicke Jackeles fen Hahum ney Ljeouwert om it ynheljen fenne prins to sjen, yn 1778. Hy wreide it hjir en dêrre hwet üt, mar liet der ek dingen üt, dy't wy der ljeaver yn halden hienen, bygelyks op bl. 20, hwer de jonge op it hynzer sjongt: „Prins Willem V weest wilkomm" mei dit sizzen fen Japik: „Ei! dat het Hans fin Echten op Graeftswal makke," en op bl. 28 dizze wirden fen Maaike: As ien Minske net slim h'n oonnimmen is, is er gauw hette fin te meitjen. Ik haf ien Boek meynimme liften fin Lieuwird, dat is op 't Staeds drukt, der stiet het allegjerre yn hetter forfallen is; der trug bin ik oon 't laeessen komd, en haf my, trug onderjeugt, fin B. Bekkers Schriften, dy Jan erwe het fin jer Muyke, oon 't Wieintissen joon, dit haf ik oonne Drukker stjoerd, om te witten hetter ynt jier 179 barre zil. Ik wit wol, dat de Towerdokter der ta Amsterdam wenne het, en nou daee is, het net forbetterje kin al zis ik het zeis; lit him oos mar oonkomme, of de Feint der't by him leerd het. Freget men hwerom wy by dit almenakstikje sa'n bilang hawwe, den siz ik: hjir lizze wer oarsprongen, en de skriuwer fen Maaike Jakkeles waerd as foargonger in paedwizer. Hwent in jiermannich neitiid liet keapman Tjalling de Planeetjes üt de Wiersizzerij fen Maaijke Jakkeles printsje, yn in doaskc pakke en troch koerrinsters forsutelje. Yn 1836 kamen hja üt yn boekformaet Ünder e titel Frysk Spjealdeboek. dêr't de trêdde printinge fen forskynde, ta in biwiis, det dit ÜnskÜdich tiidfordriuw it jongfolts wol nolke. En hwa scoe tinke kinnen ha. det 25 jier letter in oare Fries fen namme dizze jongfammeboarterij wer ophelje scoe üt it forhne. Yn 1881 joech J. Hepkema to Hearrenfean It Spjeldeboekje ut fen Pieter Jelles. ünder 'e titel: Wiersizzery fen Alde Boekje Jen Heech. Dêr sjucht men de krêft fen 'e oarsprongen. de neiwirking fen it forline. En hwa wier nou de skepper fen 'e Maaike Jakkelesflguer yn üs skriftekennisse? Lang hat er ünbikind west. oant } H Halbertsma yn syn Letterkundige Naoogst. Deventer, 840, bl. 265 skreau det „Peike van der Ploeg, in leven predikant bi) de Doopsgezinden te Hindeloopen in het laatst der vorige eeuw een allernaiefst stukje schreef, geheeten Maeike Jakles. en dat dezelfde geestige schrijver dit vermeerderde met een vervolg en een koddigen weervoorspeller in den trant van don Antonio de Magino. Troch yngeand ündersiik witte wy sont folie mear. en is ds. van der Ploeg for üs in Prysk skriuwer. dy't mei eare in plak yn dizze rige fen bodders ynnimme kin. Wy hawwe de taelkindige biwizen. dy't hjir om 'e wiidweidigens net meidield wirde kinne, det hy ek de skriuwer en dichter is fen de fiif neifolgjende stikken, dêr't wy op 'e rige öf in wirdke fen sizze wolle en in byt fen ,aen: 1° De Burkerij of It Boere bidrief verdeeld yn fjouwer tieden fen it jier; forjier. zimmer, herst en winter. Verhandde as ien bliedspul. tusken de boer. zyn burman. boerinne. feint. faam. zoon. dogter en de teskers. By eltjoor brogt trog ien Boere Zoon^Men ken it te keep krije oer al yn Frieslan; dogs uit de eerste han te Dokkum by F. van der Ploeg en H. Groenja. 1774. Yn dit fers fen sa'n 30 blêdsiden wirdt frijhwet droech de iver en it boerewirk teikene fen Ulbe Jans. bouboer. mei syn hüshalden. foar Klaas Oepkes. syn burman oer. dy't mei it wiif hast dei oon dei üt to riden giet, en hwaens bürkerij stiet as in skip sünder roer. Hy kin einlings de hier net bitelje en lient it ,»ld by Ulbeboer. De selsfoldienens en eigengerjuchtigens fen Ulbe hzze der wol hwet grou op as er nei de mieltyd mei de teskers se»t: Tryn, bring nou heit ris piepen en tebak En Antje, krij ien koer vol turf, zet strak Yn elke stoof ien tiege waarme test, En bier by 't fjoer, dan drink' ris dy wat lest. Nou Gasten, Boaden, Ben, tink nou ris oer; Hoe hadde wij de Burkerije yn stjoer; Het nim myn Wyf en ik yn agt yn 't jier, Der Burman faak ferzommet om pliszier, Dy jield, en goed, en tyd onnut trog bringt, En om zyn Burkerij bynei net tinkt; Wy géene Sneins vol léever nei de léer, En volgje de geboden van de Heer; 't Is ommers best, dat men zyn zinnen zet Op zyn berop, en op Gods wurd en wet. Al dij Gods wet oertogt bij nagt en dei, Wier 't aèk, dy hij ien ieuwig geed ta zei; Zyn Wyf zil wêsse as ien griene plant, En as ien vrugtbre béem oon wetters kant, Zyn Ben zille aek as cederen op géén, As olyfplanten omme tafel stéen; Him wut beloofd dat hij verwagtje ken Gelok en vreede oer Ben, en oer Bens-ben; En nei dis tyd ien kroon, en brullofts-kléen, Der 'n ien dief net stelt, nin fretmot dogt vergéen. Men priuwt hjir de wettyske geast fen in Mennist man, dy't net praet fen „nei tsjerke," mar „nei de leer." Dy „bravens" iepenbierret him yette sterker yn 2° De Tankbre Boere Zoon, tonneel-spul yn ien bedrijf of fjouwer en trijtig tonneelen, maeest oerzet ney Engels wurkje. Ta Lieuwird, by Jehannis Sey del, Boekkedrukker oppe hoeke finne Keuningstriete, 1778. De „fortooners" binne Jop, ien ad boer der twa bisten het; Maayke, Jops wiif; Gryt, hjar dochter; Migchel, bruggeman fen Gryt, in pear Frentsjerter studinten, en Japik, de tankbre soan, dy't bineamd wirdt ta heechlearaer yn Frentsjer en nou syn alden alderlei woldieden biwiist. Dizze prefester slacht sa'n heechstêdske boeketael, dat it rint yn it rare. Dat moat den ek de komikens oanbringe njunken de bernlike ienfald fen Jop en syn wiif. Hjir hat men in lyts toanieltsje: jop. Ik wit net Zoon, het ick jou forgeldzje zil, ik bin zan tank schildig, dat het er oer hinne is. japik. Dankbaarheid ben ik uwlieden schuldig vader en moeder! oorsprongen van mijnen gezegenden staat. Maayke. Y matte zwije, Japik zwy! lop Ik wol het oone heele wraad zisse, dat er uis folie meer joon het, Manke, dan er fin uis krigge. (tjen Japik) Kin ik jou ek tjinje mey ien gleske wyn-, der ik trog jouw beleefdheit krijgge ha? lapik Grijze Vader, laat dat Ulieder verkwikkinge zijn. Doch verkiest gy dat ik de wyn eens proeve, welaan: Moeder, Vader, en Zuster! ik verheuge my uittermaaten, Uwl. zoo wél aantetreffen; 't gezicht, de smaak t gehoor, 't gebit schijnt alles nog wél te zijn, 't gaan valt slechts wat lastig. Leeft nog lang, tot verlenging van myne vreugde, en tot uwheder e.gen genoegen. Jop, Maayke en Griet tagelyk. Ik betankje jou, ik winskje ek lang gezontheit. Dit toanielstikje is in forfrysking fen it Lustspiel Der Dankbare Sohn dat yn 1770 foar it ljocht kaem en skreaun wier troch de Dütske toanielskriuwer Johann Jakob Engel (1741-1842). It is yn 1823 op 'e nij ütjown troch Holtkamp to Snits. 3° Het Jonge Lieuws Boosk, plesierspul yn fyf bidrieuwen byschreun mey Aeeste wyn en bytrokken luft for de laeefhabbers fin 't booskjen. Dit stik stie yn De Nieuw Harlinger Almanach. naar den nieuwen stijl, op het schrikkeljaar onzes Heeren Jesus Christus 1780 door Beerent Heerts. Mathematicus by Joh. Seydel. boekverkoper op den hoek der Koningstraat over de Cancelarie. Haedpersoanen binne Steffen. in boerefeint mei syn faem üelk en ythke Hynljippers. Aalk en Zymen. Bete en Jelmer. dy t hjar eigen tongslach halde. De toanielen yn *e herberch t Blauhüs binne tige nei it libben. Hjir folget it 10e: Jan. Drinke de Vrinden koffy of thee? Beitz. Wy kofje, naet fuille, mar ien lytz, en dat goe. Steffin. Wy matte aek hette kofje, net Pop? Oelk (laitzende). Ja, eni^W ien stik ytten ta. Steffin. Is er net ien zoep bittre Genever for my? Ik bin za raar ynt lyf; het wier wol twaa oere for ik ynne sliep rekke. Beitz. Yk wol 't wol leeuwwe. Jaan my 't moas ris jelmer, yk moat ien stik krintebolle ha. Jelmer. Wa wol zoeker en moalken? Beitz. Allegjerre wist Steffin en Oelk. Ja. Beitz. Der komme Aalk en Jerre aek al, (yn 't forby gaeen finne door) bist der? Aalk- Ja dou aek? wy komme terstonds. Zijmen. Zotti rieuwe? myn forflegter is ófgaeen te naat. Steffin. As 't ree bist, matte wy de staed ris op. Oelk. Ik bin zaed; wolle wy dan mar? Ha folie ha wy fortarre? Steffin. Dat zil ik wol fraeegje; Jan, ha folie jield? Jan. Ik zei gauw ris vraage. (Jan rint hinne, en is fut werom). Een ryxdaalder. Steffin. Der binne njeugen zextehaeellen en fjouwer duiten, dat 's krekt. Jan. Zoo is 't wel; wy verzoeke uw gunst ris weer. Steffin. Dat sprekt goe, wy zille tjien njoegen oere wer oonkomme, en dan mey 't trekschip. Ooe dey za lang; aek za, Vreunden. Dy Hynlippers. Goe reis mey en or, jonge lied. Dit plezierspul, dat tige wichtich is for 'e kinde fen it Fryske foltslibben üt dy tiid, krige yn 1830 in nije printinge yn bislipe stavering by J. Proost to Ljouwert, tinklik fen keapman Tjalling Halbertsma, dy't tige mei alde almenakken pielde en seis ek nije skreau. 4° Het Friesck Oranje Zyllers Lied oppe Aodde Schouw. De 4de hn Septimber 1777. To Dokkom bi H. Groenia, Steds Drukker, oppe hoèke finne Tsjerke Striete 1777. Dit feestlied, dat üt saun koupletten bistiet is makke op 'e hirdsylpartij, dy't steedhalder Willem V-en-dy bywenne. Mintie Wouters woun de priis: in sulveren heugel mei tüchje. Fen dit feest is ek in plaet makke, dy't yn 'e hannel kaem. Eelke Meinderts stalde in „Lokwinsch" gear, dy't by Groenia to Dokkum ütkaem. En fierders boppeneamd Oranjezyldersliet. It „fjourde" koupiet is Op 'e wize Moij Elske: Meits los dijn touw! Dar komt op Schouw Prins Willem meij Sophye, Beajug zón Paer As Vrieslans Eer Jer Bentjes bin wol trije! Het sjugze blied, in disse tied, Wa zoe hem net formeittje — De Prins meij 't Wijf Ik had mijn lijf, As Jae oon 't Donsjen reitsje! Bodders yn 'e Fryske Striid 23 EELKE MEINDERTS DE 10c Maeije fen it jier 1780 waerd yn Holwerd de komst fen in nije grytman mei spanning tomiette sjoen. Alderlei risselwaesjes hie men makke om him neffens ald gebrük yn to heljèn. Kreas yn it habyt stiene de doarpsljue sont in Üre op 'e wal to wachtsjen. De skoallebern tripken fen üngedurigens roun wylst nou en den in unifoarm nije kleur brocht yn e minskekloft Boppe op in earepoarte fen sparregrien sieten in stikmannich muzikanten, de hege siden hoed op. Toalf jongfammen mei blommen op it boarst droegen in kroan mei in Minervabyld yn it formidden. Amper hie de klok alf Üre slein eft elts stiek de hals üt en it gie fen müle ta müle: „Dêr komt er!" En ja. it Ljouwter fearskip.' optuge mei flaggen en wimpels, fen binnen forsiere mei palmgrien, en folge troch trije „snikken" kaem oansilen. Seis matroazen sprongen fen it dek en makken de touwen fêst. Kenünskotten waerden lost en Jhr. Sicco Douwe baron fen Aylva. grytman fen Westdongeradiel sette foet oan wal. De muzyk foei yn ennei it sjongen fen in wolkomstlied gie it yn optocht de singel fen Hania State lans. Foarop in hynsterider mei üntbleate sabel, folge troch twa wapendragers, ien mei it wapenskyld fen Aylva. de oare mei dat fen 'e gritenij. , Dêrefter panderen de kroanjiffers. de grytman mei syn folk, de matroazen. saun bilemannen yn unifoarm mei wite hoazzen oan en sulveren stripen op *e hoed. Under it swaeijen fen findels. it roeren fen it geskut en it losbaernen fen *e gewearen kaem men oan e stins. Dêr stapte in jiffer yn it wyt nei foaren en spriek de grytman ta mei dit rymstik: Wêz wolkom hjir op 't slot yn dizze gritenij It herte tilt üs op, omdet Jins libbenswei Foartoan nou rinne scil troch dit Westdongerdiel. Bisit üs liif en siel, dan haw' Jy üs alhiel, Geniet Gods ginsten lang, haw foarspoed, libje yn fré Bistjür üs froed en from, dan binn' wy mei'noar ré.