UTSJUCH IN BONDEL FERSEN FEN S. J. VAN DER MOLEN A. J. OSINGA - BOALSERT - 1938 En nou forlit ik mar it boerehüs en ek dy't yet oan spüken leauwe. Men sei, ik scoe mar Ijeaver fersen skriuwe. Der moatte op 't lést ek Fryske dichters bliuwe, Hwent dy't de namme ha, halde hjar langer kus. Natur en gea F r ühlingser wachen L De maeitiid hat de wrald fornijd, de himelruten binne blinkend wosken. Sjuch, ho't it lan to dampen leit en jinsen noegje ünbikende bosken! De auto yn it grille ljocht spegelet loft en sinne yn syn flanken; de motor sjongt — der wanke tüzen hearlikheden op sa'n tocht lans pleatsen, hiexnen, hillichdommen. In famke tripket licht foarby en dêr't hja giet is melodij, ritme, ünthjit en rook fen blommen. De auto toetet lüd en lang, hja draeit ien amerij de blonde holle; in iere roas bloeit op hjar wang, men scoe hjar eagen patsje wolle. a De maitiid hat de wrald fornijd, krêften üntweitsje üt hjar slomme; it lan — yet feale ienlikheit — brekt ringen üt yn bloei en blommen. Dit is de tiid fen liet en lof, oer alle wegen klinke dichten; de loft is fol muzyk, langer as plichte wier 't stil yn 't iepen wintersk hóf. Ik gean as dronken troch dit feest, 'k fiel my oan 't greate Al bisibbe. Eala, dü hearlik machtich libben! En tankber groetsje 'k ek it lytste beest. Maeitüd Ik wist, de kleur'ge arke mei syn blide lest wier nou wol hast oan Fryske iggen lanne. Unrêstich doarme ik lans de skiere strannen en bide 'n sniewyt seil, in feestlik tüchde mêst. Ho faken wier my Maeitiids komst üntkommen. Mar nou scoe 'k faeks it greate wünder sjen, de yntocht fen it libben: sweltsjes, lammen, lytse bern, de ljochte wolkens en de bünte blommen. It scoe net ha — hie 'k dróge ef slomme? Mar do't ik wekker waerd — o eale moarn! — laei 'k yn in godlik ryk, dêr't fügelt sloech en bloeisels skommen. In dert'ne Frija bloes in greate gouden hoarn! It Fliet 't Is Snein-tomoarn en by de brêge tropje de skippers sünder frachten gear, de sinne noflik op 'e régen. 't Is skoander waer for pypskoft en petear. De famkes boartsje mei hjar poppen yn 't ljocht det oer de wallen glydt. En heech oer hüzen, grêft en gloppen stean wolkeflaggen, great en wyt. De fleugels op 'e werven flappe, fen oer de fjilden wei komt bolle wyn en moedich dounsje dér tsjin yn yn wiffe flecht de wite kobben. O sokken moarn, allinne büten — ho komt it üs woldedich oan; to harkjen ho 't aloan.... aloan.... it wetter bütst tsjin stille sküten. En sjuch dy lammen, wyld, ütlitten! Frjeon, hearst' it roerich protterhear? Dit is de Maeitiid! Skerp en klear scil skieik üs hert fen alde langstmen witte. De klyster De klyster yn de maitydsdei bigjint yet justjes mar to s jong en. Hy is net heal de lüde ünbironge, de floiter dy'k sa lije mei. Hy stimt yet mar syn büchsum ark en lit de djippe snaren skruten swije, om moarn licht yn 't forhearde park mei foarse slach folslein him to bifrijen. En my? O, mocht it wêze sa — mar dreamen kinne 't ierdske stal net risse. Dos moat ik wol de ünrêst ha, de fierten büten roai, de romten sünder mjitte misse. Hjerst De simmer gyng, de leste merkeklanken Forwaeiden wif en weagjend oer it gea. De bürren oer stiene de net mear blanke Forreizge kreammen, wachtsjend op 'e dea. En for it lést kaem 't folk, oerdwealsk, yn kloften: len dei fen wille, dêr't in oargel song; In feestlik öfskied, ear't al 't mylde gong — Nou bin' forstoarn hjar fleurige geroften. En 't wirk leit stil, it lan forlitten. In jager inkeld hat de romte socht: In brune skym, ünder it twiiflich ljocht, Dy't hoeden dükt. — Den, hommels, sjitten! Oktober Wier ik Ln skilder — gouden üren Unthiet my 't mieljen fen dit bünt tafriel, Ik scoe my jaen en nim it fynst pensiel En kies de kleuren fen de aldste miniatüren. Hwent dit is fen gjin wird binei to kommen: De giele pracht fen 't stjerrend lineblêd, De waerme tint fen Simmer's léste blommen, Yn 't park yet pronkjend ef forwylge oer 't mêd. Hjir foeget read fen wyn yn eale glêzen, Neist brüns en koper üt forflein bistean. Mar ek it wyt fen ien dy't net mear to genezen En wachtsjend is, om strak mei üt to gean. Hjerst-miniatuer De hjerst brükt brune dim'nc tinten, de skerpste line wirdt ta 'n teare bocht. En ünder it mystike swiere ljocht is der in koarte frede twisken pleats en klinten. Der skouwe skimen troch it lette fjild oer wegen dy't yn 't blau forrinne. Dichter ef boer? — Hjoed binne wy inkeld swalkers mids in skiere stilt. Dei yn Wintermoanne In machtich front fen skiere wolkens tsjucht driigjend üt it easten op, in leger, wis dit warleas lan to winnen. Oermoedich klinkt de rüge rop fen skierkerts oer de stille hiemen, fen kalde tiid in wisse professij. ScilT wy it wite wünder wer bilibje fen süvre snie op hüs en hóf en wei? It hat tonacht al süntsjes fêrzen, der sprongen stjerren üt 'e dyk. Faeks bloeije moarn op alle glêzen de wündre blommen fen it winterryk. 13 Frysltn De greide sünder ein, lyk brüns de bou hweryn de ploegen gleone groeden brekke, en kimen dêr't moarns greate grouwe wolkens sfridend sé-yn stekke. Oer marren machtich strüst in skomjend skip, in swarte floed bidriigt de diken; de mounen meale, stinnend-djip by 't moedsum hoedzjen fen hjar faeije riken. En lytse minsken yn in bline ban fen rein en stoarm, roettsjustere machten, wrakselje stom troch dei en nachten om lok en lean. Den op 'e joun as stoarm en tonger sliepe, wyndert de loft op en in suver ljacht set lan en wetter yn in koarte pracht. Den stiet for God üs hirde hert wiid as in haven iepen. Boalsert Ik hie der yn sa'n tiid net west — mar it stedtsje laei as do yn dróge, oer hüs en tün in wize rest en feilich mids ald-bolwirks böge. Ik stie op 't heechst en eage 't oer: de stêd, it lan — sa hiexn my beide. In ienheit ek: riist selde toer net rounom op üt Fryske greide? Hy hat wol sitien as ik nou die, troch selde strjitsjes dreamrich doarme; dy gevelpronk hat syn tiid foarme. En 't folk — is 't oars as do't hy wie? Ik toevje oan grêften dêr't sa rij de linen 't gouden blêdte litte. En büten tiid en skyn is 't my: strak komt de Master seis my yn 'e mjitte. (24-10-'36). Sleat In deade stêd, hear 'k lichtwol immen sizzen, dy't ierd' en kosmos mjit inkeld mei rede en tal, in stêd nei 't yn 'e grêft de skippen lizze, fen weinen 't drok geriid, it togjen op 'e wal. In deade stêd, mar mei in geve siele dy't suver sprekt yn böge en drögjend hüs, it stille Djipt en bolwirksbeammen' swier gerüs. Wol komt üt alde tiid ünwennich fielen. Ho feilich lizze hüs en hear yn mürwirks skiere rount bisletten. Kin ik dit skiede: hjoed — alear? Dit plak is fen de grime tiid forgetten. O eale joun — blank leit de grêft en sünder falden twisken wal en brêge. Yn tinzen wei wachtsje ik, det sêft de skimen komme üt dream en sêge. Fiskersdoarp Biwende glopkes bochtich spoar, ho jamk hab ik dit roun; en dochs — ho jinrmer nij de tsjoen fen skiere gevels, steech to-skoar. Dêr leit de haven — hwet de sé oer silvren weagen wonk, it hat hjir as yn 't eigen sté in koarte lins: to-honk. Ik sjuch de sküten, snik en aek, de füken oan 'e mêst; ho sprekt dit al in eigen spraek, oer ieuwen geef en fêst. De rook fen hout en tarre treil, séfügels wylde rop, de siele nimt it langjend op: hwennear gean wy to-seil? It tsjerkje draecht in ald fregat, 't draeit bÜnkend troch de wyn.... Cm'1 *4- nntinroo -ri eft»olr if T7M uv.ii i wany auont 11 T T vuiuii y O hert, bidimje hwet! Op 'e pölle Hjoed hab ik op 'e pölle wést, yn 't iensum moundershüs; it fjild laei yn in wite rêst, der wier allinnich hwet gesüs fen winen yn it meagre reid. Heech flechten smjunten floitsjend oer, nei plakken, dêr't it feilich leit en sünder driging fen in rêddich roer. Wy sieten yn it smuk fortrek, de moarn forfleach yn swiet petear oer wirk en waer. Fen 't tek dripte de tei — it klonk sa klear.... Do't letter op 'e dei de winen fülder waeiden, hat Sierd de mounlekop nei 't grime Noarden brocht. O nocht: de blanke roeden swaeiden, djip song it wetter yn de dünkre tocht. In memoriam Lit my dit lan bisjonge, det ik ken fen tüzen tochten troch syn widens, de mar syn süvrens en it fjild syn swidens — mar det ik langer hieltyd mear üntwen. Jow my sa'n froede alde boerewent, dy't Friezen nea wer bouwe scille. Gin my, for 't lést, dy stille waerme wille fen hwet bitroud is, eigen en biwend. Jow my in poel, mei rüzjend reid en roerich fügelt, mar binammen blommen. Gin my dit priuwke ienlikheit.... Sa — Lit „De Drie Provinciën" nou mar komme. En om't ik fen de greiden hald, Ut my ek ienkear troch hjar romten swalkje, ear't strak de autodiken, dryst en kald betonnen flokken yn dit lanskip kalkje. Lit my yet ienkear Fryslan sjen, sa't ik it koe: it unskansearre, frije! Den scil 'k wol gean en bügje for it nije. Mar wit: in kostbre blom gyng üs forgoed forlern. Folk en striid Dit folk Wis, gans is der foroare yn dit lan, mar eins dóch mar hiel, hiel fen buten. Ei ja, yn 't doarp ha wy nou wol in „band", mar as dy spilet en de feinten dounsje bin it doch boeren bleaun. En efkes moat ik den wol tinke oan 't feestjen fen it folk, fen Dokter-om biskreaun. De lytsfeint op 'e pleats, om 't sportnijs is er sljucht en lichtwol ken er ek de nammen üt de krante fen balleskoppers, wrald-forneamd. Mar as de Maeitiid komt yn 't alde lan hat er oan 't fügelgfid syn niget, det kloftet oer it fjild. O, 't lükt him sa, de iere kriten yn! Hy giet, fen ieuwne langsten dreaun. Omdet dit folk der yette is en yn syn wezen lyk as 't wier by 't skiere oanbigjin, de groun dêr't iivge krêft yn wrot, de grize sé, it sljucht bistean fen bodders op it swier-woun sté, de sang fen 't wetter, kimen' rop — Sjuch, dêrom gean wy oan de striid, en witte: dy wirdt woun! Aldehou Swart tsjin de loften, riist syn drege bou, in stiennen reus dy't stoarmen heinde en dy — skien't him de ieuwen skeinden oer Ljouwert wekket, froed en trou. In earnstich man mei grize eagen, in wiisgear boppe dizze wrald; fen tiden dy't foarby him teagen de stille sköger, eal en ald. It libben det yn bünte streamen ünlijich om syn flanken geit, it grypt him net — hy bliuwt de dreamer dy't yn 'e kimen stoarjend swijt. Mar ienris scil syn stimme droanje en wjerlüd wekje, tüzenfald: as Fryslan riist ta Selsbiwald en flaggen skiere toerren kroanje. Myn toer, üs jonge rigen winne, üt sé waeit moed en frijheit oan. Hark, tsjin dyn mürren slacht de droan fen foetten dy't yn opmars binne! Greate Pier Dou wierst lyk as de alde sechjes sizze — hwa't it it lést forteld hat libbet yet — in keardel as in beam. Men wit, dou koest tsjien Saksers yn 'e greide lizze. En wé de fijan dy't de sé dreau yn 't fatale driigjen fen dyn füken, 't wier „brea en griene tsiis" — ef hy moast düke en fyn fiif fiexnen djip de iivge fré. Nou leist sünt fjouwer ieuwen stom ünder dyn stien yn Snitser Sunte Metten, yn wémoed komt dyn wapen om en d' alde kriichsgalm is forgetten... O hege helt, gryp wer dyn swird; syn stadich stjerren kinst yet keare. Dyn namme, ienris freesd, forwirdt op skip en motorboat fen njuete stêdske hearen! De skipper It moeit my om hwet hjir boppe stiet. It foege better licht en sjong fen Jesse Owens dy't sa omraken fleane kin, ef helje fen de prüze fammen op dy't ljeaf üt eltse krant wei laeitsje .... Mar is 't myn skild, det ik him seach dy joune, do't de winen sliepten? Ik roun op 't jaechpaed lans de feart en harke nei de lytse lüden fen bern en bürpetear en einen dy't sa let yet warber wierne. Do is er kaem, de skipper yn syn beage. Hy wier net jong mear — 't grize bird, 't forware fel, de krüme skonken forhellen wol fen jeld en ek, det him de soargen grif net mijden. Hy loek — en 't swiere skip kroep stadich lans de lytse hiemen, it drögjend beamt, de bürljue en de bern en ek de drokke einen, dêr't hy faeks net tofolle erch yn hie. Wier 't nuver? Mar 'k moast ynienen tinke om Owens en syn flugge maten en al dy heiten dy't in kranse krigen. *k Wit: dou, myn skipper hast mear kriich en lykme allinne hast rekorten britsen, al siikje 'k dyn petret omdöch en scille hiel wis frouljue nea dyn stive han to setten freegje. En ik bin greatsk, hwent yn dyn each ha 'k eat fen 't ivich Fryslan lézen! 10 Septimber X 938 By de iepening fen de Fryske Akadeemje Wy sizze net: lit üs it béste keal mar slachtsje, Nou't Fryske wittenskip hjar ta dit folk bikeart. Wy stille likemin fen Fryslan dryst forwachtsje, Det it syn kommend heil op slach en fül bigeart. Wy hjitte net it fjür: Wêz wier en terp ta kroane, En: Skeane banen, waei! Win toer en heechste nael. Wy habbe leard, de Tiid moat dit blyn foltsen toane De rykdom fen syn erf, de trêften fen syn tael. En 't is net: sparje 't swird en lit de skylden rêste, Nou't Fryslan's yntellekt it paed nei 't hiem ta foun. Mar, mij net liet en lof — hja foegje by dit boun. Hjoed sleat om folk en lan de rige wisser, fêster! Minsken Jonge boer 'k Scoe rigels skriuwe oer de spjalting der sielen yn üs wrald fen hjoed, oer minsken, skaet fen 't eigen wêzen, de hieme groun, it alde bloed. Do foun ik dy. Wy ha petearre — de pleats leit djip de krite yn — op 't hiem habbe wy stien', togearre de joun biharke en de fiere wyn. Dou hast (en dêr wier boeregreatskens yn dyn eagen) my efkes troch it lette büthüs brocht; oer glêdde rêggen dounse 't ljocht, de bolle moast oerein, det wy de swiere flanken seagen. En yn de gollen mids it mindrjend hea hast my in wünder wiisd: de lytse keallen en fen dyn ryk bistean de sin forhelle, sa nei oan d' oergroun fen it libben en de dea. Do't wy wer ünder 't hege stjerte stiene, wist ik de winst fen dizze goede joun: in geve boer lyk as der earen wierne, oan groun en God mei hert en siel forboun. Ald-skipper In skip allyk nei swalkjens rüz'ge tiden leit hy foar anker yn 't forgctten plak, mar 't langst nei wyn oer mar en widen bleau 't herte hiem, ek nou finder dit fredich dak. En hy fortelt — o glans fen grize eagen — fen 't frij forkear op feart en rek en fliet, en efkes driuwt, bitsjoend fen 't machtich liet, yn tinzen wei hy oer Gods romme weagen. 't Forhael is dien, wy bin' to-lanne, mar noch in froede gong nei 't kammenet. In bleke print halde de rfige hannen, hy wiist: it Skip! Mear seit er net. 'k Bin gien en hab him yn 'e skimer litten — in inkeld boat forwachte slfich de joun — mar 'k wit: hy hat de alde dream wer woun: in hege float strfist ljochtste kym tomjitte! w Dichter und Bauer Ik sjuch de ald-boer troch de gêrzen traepjen. 't Is Sneintomoarn en suver lij. Efkes de pleats om, frucht en kij bylans, oer finne en miedstik griene lape. It pypke oan, bidaerd de tred, op krüme rêch de brune hannen, giet er troch 't blomkjend maeitiidsmêd: foldiene sköger fen syn lannen. Yn 't sintsje liz ik tsjin 'e dyk en ha myn moed wol dizze üre; hwent skied en stek kear' ek de greatste boeren, mar fierste kimen oer rikt dichters wünderryk! De hipokryt Wy wrakslen beide mei de wrede wyn en laeine oer üs stjüren krüm? it reinen wier in fyn fenyn. Ik mirk, hy hie it yn syn smelle jas net rum. Hy flokte breed ear't er bigoan: ,,'t Koe yn 'e wrald wol oars en better." En do't ik knikte, hoopfol: „Letter! Us rigen winne stadich oan!" Syn han glied wizend oer 't ünlijich lan, „Ho lijt de earm minsk grouwélich. Mar ienris wirde fjild en frucht mandélich; Fol is den ek de léste lege han." Do skeat er rjuchts in stekje yn. Ik seach noch ho 't er mei in misse goai in skurve houn mei in gerest gewisse fen 't hiem forballe yn 'e barre wyn. De renegaet In jonge Fries, üt boerealden waerd er berne, de eagen blau, goud-weagjend hier. Op 't ienlik hiem dêr't frije winen wennen, yn golle en büthüs foun er syn fortier. Sa woechs er op, mids mar en miede; koe alle fin en fel en fear. It lytse skouke stjürde er oer de widen, nin waer to wyld, nin nacht to near, Hy slagge nei de stêd — hwa koe sa tige leare? — forgeat de pleats by carrière en rom. En liet — in rottich blêd op 't stêdske skom — Viim willich fiere fen hwa't hiem en hald forlearen. De rie De hammer fait en eltse stjit slacht 't wiffe wird ta wet. Oars, drok is 't fen 'e middei net. Dit is de rêst dy't yn 'e kjesscns sit. De kachel mingt hjar mylde gloed mei de woldeedgens fen de smoute sinne. De slomme komt to-mük: 't forriedlik spinnen fen dy't swier sykje, is in düdlik lüd. Dêr seit in Kommenist in mop. Men laket. Stil it wêze? Mar ringen twingt in koarte klop 't petear wer yn 't biwende slop en droech bigjint in stim to lézen. Den komt de thé en it bigearde skoft. De sike Hjar wezen witer as it linnen, Det koel en nofteren om hjar hinneteart, Leit hja en wachtet en bigeart Neat oars as dit: allinne. De dei forgiet. Den sit de joun Allyk in swarte fügel foar de glêzen. Woe hja in andert yn syn eagen léze? Hjoed hat hy lang en drövich nei hjar sjoen. Harmoanika-jonge Der fcomt sims ien mei in harmoanika. Men kin hwet südliks yn syn eagen leze. 't Koe hast ek wol in Waldman wêze, Howol, dy hat it ütsjuch doch net sa. Hy spilet hwet en sjongt der by, Mar 't hat net folie om 'e hakken. Sa net, hy is mei noaten rij — Der bin' wol, dy't it koarter makken. Mar jister hearde 'k him pas goed. 't Wier op 'e dyk, foarby de léste hüzen; Op 't fytske kaem er foar de wyn delstrüzen. Hy song en mei in frjemde gloed. Sa hie ik him nea earder met: Sok sjongen en mei sokke draeijen! En siz nou mar, 't kaem fen 't ünwarich waeijen — Ha swalkers lyk as hy hjar langsten faeks ek net? Fryske tragyk Dit is tragyk dy't Piebenga net achte, mar dy't sa Frysk is as de namme ald. Hy, neisiet fen in eal en romroft slachte, hie wol de groun, mar net yn 't folk in hald. Nei 't ienlik boartsjen yn 'e hege sealen, mei rook fen pluche en ald bihang, ruilde er, om stüdzje, jong dit feale for Franske stêdden. En hy bleau dêr lang. It Hüs yn Fryslan mids de leanen wier noflik for fekansjehonk. Ef wier it doch hwet oars faeks det him wonk en hy weromkaem fen om utens earne? Sa kaem de jeld en it forstjerren. En dy't yn 't libben nea de boeren socht, woe op in haeiwein, lyk as ien fen hjarren, to-höf yn Fryske ierde brocht. Doarpsherberge Op middei yn in doarpscafé it is ek oeral itselde: in krante, bier, to gleone thé, ef hwet men oars bistelde. In fromminsk, det üt iten scil, in sutelder efter syn brogge, twa priuwers, dy't to-mük en stil de tiid mei drank fordogge. In mich op 't snüstrich tafelkleed is wünderlik üntkommen oan 't leidich lint, det wis en wreed to gol gegouns forstomme. De trouwe tik fen Pake' klok docht hjir net folie fortuten — de pimpelders stinne menuten oer 't nimmen fen in nije slok. K-I*?:- 1 De tram is al fier oer syn üre, de frou scil noch altiten foart. Den docht, biret, yn myn süre mölke de mich fen niis him tokoart. Oare fersen Tiger-rag Ik bin wer thüs, mar yette dóf fen 't razend ritme fen de trommen. It tsjoenend ,,Hold the tiger (hald det bist!), hwa yn de seal koe dér noch oan üntkomme? De wylde gisel fen de fluit, de sketter fen de sküftrompetten, hwa stiet det troch en wirdt net fol mei lüd en ritme getten? Hwa fielt by 't droanen fen de band kim net oan negers en technyk bisibbe? it fülste oerynstinkt kin ek yn üs wer hommels keare ta forheftich libben! Ik bin wer thüs en ik tink nei; noch raest de roffel fen de trommen — O God — ien inkle stjerrenacht jow my, om ta mysels to kommen! Swalkerssankje Heech is de loft en wiid de sé, Koart kommandeart de sirene. Wer leit ta de rüz'ge reize ré De frachtboat „Jolly Mariene". In léste loaits op stêd en toer — Ho sjonge de klokken yette — Den koerse wy de séen oer En nije wralden tomjitte. Gibraltar, Rio, Zanzibar.... d' Oare stêd folget de iene; Mar de minsken binne der wakker gelyk: Hja wolle üs poffe noch liene. Los Ang'les, Kanton, China-town En fierder oer d' ivige weagen, En ivich it selde harmoanika-liet, De kroech en de frouljues-eagen. Gjin dagen en gjin üren det Wy sünder langsten binne. De kobbe fljucht, wy folgje him — God wit holang, hwerhinne. Sneintojoun De reade ljochtbak fen de smüke stêd barnt lokjend oan de feale loften; de boerefeinten komme del yn kloften, bigearich en de deadske doarpen sêd. Forgetten wirdt de tsjustre moarn, de wiete yester en de dridze by 't hjitte eagjen fen in stêdske klitse en 't aljen fen in dronken saxofoan. De léste ljochten waerden dwêst, 't muzyk kaem kleijend oan syn ein. En kjel fen dizze keninklike rêst binn' hja lüdroftich troch it tsjuster tein. Der Tod und das Madchen Gjin bleke dei kroep loom foarby, det hja net langjend tocht: skieik komt er en den hellet hy my üt dit hüs, yn 't ljocht Syn antlit lake yn it rüt, ho waerm lustre syn stim. Hja seach fen 't hege lok in glim by 't teare tinken oan syn earste tüt. Do is hy kaem — in tsjustre joun — de slanke feint, sa skrael en ald, en hat hjar mij'ne müle foun. Hja hüvre sêft: dü bist sa kald. Iensumens Ik skou foarby de hüzerigen, in iensum man yn lette joun. De moanne, tiisd yn hege twigen, hab 'k nea sa great, sa gouden sjoen, Gjin minskelüd komt my tomjitte, ik fiel my suver in skarlün. In kat glydt kleijend oer 'e strjitte en wirdt den wei yn feilich tün. Lantearne-ljocht taest oer de wallen, wyt winkt de gevel fen in hüs. Om fierrens rüst it sêfte fallen fen 't wetter yn de swarte slüs. O hüzen, stille trouwe maten, kear ta it libben, krij dochs stim. 'k Woe dizze üre mei jim prate, bilide, det ik iensum bin. Unforskilligens It jounet yn 't tohaevne tün, Fen stoarm en stjelprein teistre. Mei blêdden, ald en brüns en brün, Bin paed en perk bipleistre. It gammel omskot fen in bank Wirdt faei, nou't sa de winen wrikke; Faeks fynt de moarn it, strak en blank, Forbüke yn 'e blikke. Hwet dert it my? Ik sjuch it oan. Lit hwet formöge is fordwine. Adé illüzjes, wanen ... Eltse moarn Bergt nije yn syn rike spine. Ungetiders Fen 't fiere bütlan bin' hja kearcL De risping dy't de stripen droegen, it krüdich hea, ta weiden loege, F\/» -Mwrvnvv* nor \inrlr on fpart L/c picaui vu.owv.ui, it uw *T j« vu Yn beageban en oan 'e kloet, sa skouwe hja de joun tomjitte, Mei rêggen bügd en lea dy't switte. Mar 't herte wit: de dei wier goed! Hja tsjugge lans — in leste skyn wirdt wei oer folk en frachten. Honear bring ik hwet ik bitrachte, sa wis as hja myn feilge bergen yn? De grêft Dc wintersinne gyng toneate eftcr de gevels fen de grize kaei, de hüzen yn hjar feale rige stien' yn it wetter omkeard, stil en wünd're moai. In lange tsjalk kaem steatlik gliden, yn 't triljend want it trouwe ljocht: in stjer dy't jouns wol faek yn stêdden in minsk in amerij fen frede brocht. Troch 't wetter roun in silvren beevjen, der dounsen ljochtsjes, rank en rea, dy't efkes yn it libben bleauwen om tel to dovjen yn 'e dea. Oan board bearden ynienen mannen, de stiltme briek — ik lustre sêft: wol nea lit him de lfide stim fen 't libben banne, seis dizze joun net en op dizze grêft. Sint-Metten Sint-Mettensjoun — de skimers winne, yet efkes en den giet it oan. Earne op in grêft is 't wif bigjinnen, mar 't groeit, dit ljocht, it waechst aloan. Yn 't tsjuster fen ünsjugge hernen, In lije steich, in smüke glop, wirdt 't feest fen lytse lampkes berne. In alde wille stiet fen nijs nou op. De berntsjes reizgje, skynsels dounsje, om tel to halden by in mylde doar. — It is yn 't twiljocht sims sa stil, sa hoar — Ik hear de bürren oer de fiere stimkes gounzjen. Sint-Mettensjoun — dou dochtst my tinken ... Binn' wy gjin bern ek, ien for oar? Is 't libben oars as sjongen oan in doar, mei stille treast yn glans en blinken? Dizze fersen binne skreaun yn 'e jierren 1935 oant en mei 1938. De teikening op it omslach is fen de skriuwer.