MDE 602 - 0. iS&Ht&na 7* cU SlcL&ctnis @w. 7-0-ppeH&WZ4*l &*v Jw&ê&eg&ci' ii 11 w 11 ffl ffl iiïffl iilïl li III11 ui 111 1243 1646 / \ /l. f\ }f| "/' t Ta Je skiednis fen Toppenliuzen en Twellegea fen O. Santema LJOUWERT 1939 PRINTERIJ EISMA j | Ta de sk ïednis fen To HAEDSTIK I. Oer it üntstean. Oer wierne ris trije reuzen, I.ang, lang forlyn libben op it plak, dêr 't nou Toppenhuzen en Twellegea lizze, trije reuzen! Hja hjitten fen Broer, Douwe en Jarich en wierne sa great as de tsjinlwirdige Toppenhüster toer. Ienris krigen hja it yn 'e holle en graet elts in feart. Hja namen in pear pream men en seagen dy krekt yn 'e helte troch. Elts mei sa'n heale pream as in skeppe yn 'e han, bigounen hja in feart to slatten. Broer bigoun op 'e N.oardein, toart by de Aldfenrt en stiek it südwesten yn. In moai rjucht farwetter üntstie dêr, det lang om let ütroun yn 'e Wite Brekken. foart by it plak, dêr 't de Wdldfeart syn ynhald oan det wiid öfstiet. Do seach Broer syn wirk mei nocht en greatskens oer en hy röp: „Fen nou ol oan, scil dizze feart Broersleat hjitte! En in skoftke letter: ,,It scil my nij dwaen, penkuzen en Twellegea liwet Douwe en Jarich der fen makke hawwel" Douwe wier hwet südliker bigoun, mear yn it doarp op. Hy wrotte al syn bést, en der üntstie ek in brede feart, mar rjucht wier er net. Efkes foar de Douwepoel lei er der in malle heakse bocht yn en groef do wer fierder, ont er yn 'e Modderige Geau ütkaem. Do riek er him de lea en seach hwet er makke hie en skreaude oer it gea: „Fen nou óf oan scil dizze feart nei my Douwefeart hjitte. Broer en Jarich binne keardels as hja it my forbetterje!" Jarich stiek by de Leijesleal, op e grins fen Toppenhuzen en Twellegea, de wündere skeppe yn 'e groun en bisocht ek in feart to meitsjen. En sikerwier, it slagge him ek, mar der sieten kronkels yn en hy wier ündjip. Lykwols bearde er tige ten syn wirk en röp mei it lüd fen in stoarm oer 'e mar: „Fen nou of oan scil dizze feart nei my, dy 't him makke, Jarichsleat hjitte; litte dy oaren det my mar ris neidwaen!" It liket my fen bilang, mei dit alde folksforhaeltsje to bigjinnen. Wy geane fensels net oan 't iggewearjen oer de bitrouberens dêr fen. Dochs sit der yn dizze sêge in kearn fen wierheit en dy helje wy der üt, om 't wy dy skoan brüke kinne for de biskriuwing fen it üntstean fen beide doarpen. It histoaryske feit den, det hjir üt blvkt, is: de trije neamde fearten binne troch minsk'ne hannen üntstien. Foardet wy lykwols oer dit soarte fen fearten eat mear sizze wolle, scille wy earst it foarkommen fen dit gea bisykje to teikenjen. De lansdnuwe yn 'e grize Foartiid. Wetter, wètter en nöchris wetter om yen binne! Slodzen, sompen, ünlan en leidpöllen twisken Houkesleat en Waklfeart, twisken it Sperkhim en de Alde Wei! Alde wetterstreamen rinne troch de wyldernis binne. Einfügels, reiddompen, ketoelen*), binne mei wit ho folie oare *) Hoanskrobber, Hoannebiter, Hoannemosk, Müzebiter, Ned. Kuikendief. rovers en sjongers üt 'e fügelwrald de biwenners. Hjir en dêr rize boskjes üt 'e feangroun op. De alde Friezen founen yn dizze kontreijen in wündermoai jachtfjild en mei hjar primitive boatsjes skeaten hja troch de hündert-en-ien wetterpaedtsjes fen 'e üneindige reidbosken hinne. Weidlan is der amperoan to finen, sadet de fiskers der mear heil fine as de boeren. Fen beide biroppen scille der net folie minsken tahalden hawwe, om 't it lan yn 'e omkrite him net eigene for greate delsettings. Koart sein: Leech, wetterich wierne de kontreijen bisuden Snits. Mar wündermoai fêst ek! Twisken de leechfeanlannen rinne brede streamen, dy 't de natür der yn ütholle bat. Ik neam de fearten, dy 't tsjintwirdich Houkefeart, Brêgesleat en Geau hjitte. Neffens de rjuchting liket de lêstneamde de haedstream west to hawwen en de beide earstneamde sydtüken. Geau, dy namme wiist op wiid wetter. Men scoe it oan 'e Neare- ef Nauwe Geau, Modd'rige Geau net sizze, det hja ta it streamstelsel ien dy „rivier ' heard hawwe, noch oan 'e Hoarse, it Stobberak en it Fetsehol, al liket it der mei de léste trije den ek mear op. , ■ Hwet spile de natür hjir bytiden op! Hiele stikken lan binne troch it elemint fen Toppenhuzen en Twellegea forswolge. Hwêr 't de minsken mar in bytsje mei holpen, (al bidoelden hja it sa net) fortarde it sompe en reidlan en foroare se yn bare marren. Sa hat 't forfeantsjen hünderten pounsmieten lan ta wetter makke. De Blekken b.g. is der in foarbyld fen. De namme jowt it nammers ek oan, ommers dy bitsjnt: britsen lan. It Aldhöf, de Snitser Mar binne for it greatste part troch natürkrêften üntstien. Nou noch sjugge wy, ho 't de wiidten sladichoan mear terrein foroverje, as de minske der net in skoatteltsje foar strykt. Ik neam b.g. de Trije pollen yn 'e Houkefeart; hwêr binne se bleaun mei hjar trijen? Ien earmtlik boskje reid, det is alles hwet der fen oerbleaun is! Sjuch ek mar nei de Reakoupölle yn 'e Snitser Mar. Hwet is dy yn in jier ef tweintich net in ein öl'slein! Sa meije wy dit bisköginkje oer de filde lansdouwe fen Toppenhuzen en Twellegea, feilich bislute mei to sizzen: It wetter hat woun. Mar ek jorlern! Sompich lan is bigreppele, bidike en bimeald. De boskjes, dy 't der yn 't foarige wierne binne fordwoun en nou noch fynt men de nammen, dy 't yen dêr oan tinke litte: Stobberak, Waldfeart, Blokwarren, Bloksleat, it dld Gat, det eartiids efter de Waldwarren hjitte. Hwet de nammen Waldfeart en efter de Waldwarren oanbilanget, moat men wol foar d' eagen halde, det it Fryske wird wald hwet oars bitsjut as it Hollanske woud. Wy tinke by it earste mear oan lyts, leech beamte, tink mar oan de bineamingen Dokkumerwalden, Lege Walden, de Walden ensf. Is der fen dy eardere boskjes den hielendal neat mear oer? Wis al, djip yn 'e groun, sims op it san fynt men de stammen fen oeralde beammen. Yn it fean lizze de stobben, mar ek op 'e boaijem fen Poel en Mar. Tinkteikens binne it oan in griis forline, dêr 't wy och-sa-jerne hwet mear fen witte woene! Honear binne de earste minsken hjir kommen to wenjen? Honear nou de earste minsken yn dit gebiet kommen binne to wenjen, scil wol nea bikend wirde. Op oare plakken yn it Fryske lan hat men fynsten dien, itsij yn 'e terp ef earne oars, en den koe men sizze: Ut dy-en-dy ieu datearret dizze fynst en meije wy dos oannimme, det deido al minsken wTennen. Yn in boek fen Pleyte, Nederlandsche Oudheden, lies ik, det der to Twellegea in Grykske en in Romeinske munt foun wierne. Men hie se foun, do 't men modder oer 't lan brocht. As nou oantoand wilde koe, det dy munten sikerwier ek 111 Twellegeaster groun opdold wierne, den sei ik: Hjir hawwe jo de earste biwizen fen biwenning yn dizze kontreijen. Mar yn 'e 1840er jierren hat in Snitser dy munten presint jown oan 't „Friesch Genootschap" en forgetten, der by to sizzen hwer 't de terpmodder wei kaem. Mei sokke fynsten komme wy dos neat fierder. It is my ek net bikend, det der earder biennen hiernidlen ef spinstientsjes foun binne. Wier det al sa, den sei ik: „Yn de earste tsien ieuwen fen üs jiertelling haldden hjir al minsken ta!" Mar yetris, ik wit it net. Hat Toppenliuzen en Twellegea den gjin terp hawn? Ornaris hat it leechfean gjin terpen, lominsten net sokke greate as op 'e klaei, dêr 't hiele doarpen der op lizze. Dochs hat Toppenhuzen in terpke hawn. Det laei büten it doarp oan 'e Geau, net fier fen 't Krüswetter. (Gem. Oppenhuizen, seksje I, nr. 711). De namme allinne is der fen oerbleaun. For in lytse bifolking bat der dos in üntwyk west yn tiden fen oerstreaming. Mar üt hokfor tiid as it datearret, hwa scil det titmeitsje? * Is der den nea ris hwet foun, ef nea ris hwet üntditsen, det üs fortelt fen in biwenning fier foar trettsjinhündertacht-en-tweintich, it earste skriftlike biwiis fen bistean? Lokkich al: de Gravinnewei! Dc Gravinnewei. Hwet men der fen seit. Hokfor Toppenhüster ef Twellegeaster, jong ef ald, ken de Gravinnewei net! Hja witte allegearre wol, det er dwers troch East- en Westpolder lint en earne by de Toppenhüster tsjerke de hfirren ef de streek krüst. De iene seit, it is in a'de hearrewei; de oare üntstriidt soks en bisiket oan to toanen, det it oars net as in diluviale lanrêch is, dy it laniis yn 'e iistiid opskoude. Lolke Dokkum. nou al forstoarn, hat der yn 'e droege simmer fen 1911 in ündersyk nei dien, ek yn forban mei it Snitser Ald Tsjerkböf. Hofolle oaren hawwe hjar Ijocht der al net oer opstitsen! In party miene, det it de alde hannelswei is, der't de midieuske Fryske wetten fen skriuwe. Den ■ moat er roun hawwe fen 'e aldfryske Keningsstêd Starum (nou measte part forswolge fen 'e Sudersé!) nei Koevorden. Hwer 't er lans rint. Syn bigjin lykwols üntdekke wv net by Starum, mar in eintsje binoarden Woarkum; dêr komt er ünder 'e sédyk troch en nimt syn loop oer Nijehusum— de Gaestmar—Heech—de Jutryp. De tsjerke fen 'e Ryp stiet der op en de groun is dêr sa hird det der by it bouwen yn 1819 net iens heid hoegde to wirden. Fen 'e Rypster tsjerke of rint de Gravinnewei by de Rypster tichtsmiten Tsjerk(e)sleat lans, ont er de Easterwimerts birikt. Dêr wirdt er yn wei, mar op it eilan, twisken Easterwimerts en Wite Brekken is er wer to finen, rinnende by de Deeklanssleat lans, en tagelyk südeastelike grins fen it Deeklan, beide nammen, dy 't op 'e Gravinnewei slagge, lyk as wy aensten sjen scille. Yn 'e Wite Brekken is er alhiel wer foart, mar yn 'e Westpolder is er wer presint, 200 a 300 meter binoarden de Leijesleat. Sa krüst er in meter as fiif binoarden it Toppenhüster wachthokje de tramdyk, en nou ek de nije wei, giet Geart Frankes Atsma syn reed lans, krüst de doarpsdyk, set de Eastpolder yn en passearret de Douwefeart by de Bollestirt, det is, dêr 't dy feart sa'n winkelheakbocht makket. By Trije Pollen sjit er de Houkefeart yn, by it Galgel&n lans en fierder troch de Potten, de Griene Dyk. Efkes fynt men him yn 't binlan, mar by de Goaijingeaster Kolk, foart by it Gauster elektrysk gemael, krüst er op nij de Griene Dyk en bylans de ald Reed fordwynt er yn 'e Snitser Mar, om by ien fen 'e Roaspöllen him noch efkes sjen to litten, foardet er de greate sprong ünder wetter troch nei Jongebürren by Terherne nimt. Dêrwei koerst er eastlik op Ak krom oan en Nes en dêr slüt er oan op 'e Leppedyk en sa fierder it Sweachster san. Ek giet in tüke fen Nes öf rjuchtoan it suden yn en krijt al sa njunkelytsen yn 'e Stellingwerven de grins to pakken. Wy hawwe dos sjoen, dizze wei, dyk, lanrêch, ef hwet it den ek mar is, rint dwers troch de Toppenhüster bürren, ja, il bat der in soad fen, det de tsjerke deiop ef tominsten foart nést stiet. Honear nou komt Toppenhuzen for it earst yn 'e skiednis foar? For safier ik wit, yn 1328. Do hjitte it doarp Opmanhnzen en in oar doarp, det nei 't men tinkt it foardoarp west hat fen Twellegea, hjitte Wolprandeskerke. Dizze léste namme liket fensels neat op 'e tsjintwirdige, in biwiis tomear, det it itselde doarp net west hat. Aensten lykwols mear dei* oer. Oer de namine Twellegea. Pas nei it midden fen 'e 15e ieu komt men staveringen fen Twellegea tsjin, dy 't op 'e tsjintwirdige lykje. Ik neam Vytwellinga, Wtwallinghergae (1477), Wtwallingergae (kadaster 1505), Wtwallingergae (Reg. v. d. Aenbreng 1511). i)e Hollanske fen tsjintwirdich liket der in soad op: Uitwellingerga. De Fryske foarm fen hjoed de dei is dêrneffens gans ynkoarten, mar mei in bytsje stüdzje litte de oarspronklike dielen fen it wird hjar der maklik üt werom fine Wy kinne al dy staveringen fen Twellegea ensf. fordiele yn trijen: 1. Wt, Uyt, Uit en T (wellegea) bitsjut Ut, buten ef it Holl. neder. 2. Wal, Wel. Hwet dit wird bitsjut, is üs op 't earste each net düdlik, mar men tinkt oan in eigennamme fen in feart ef sokssahwet. 3. Ga ef gae ef gea = doarp. Sa gearstal jende krijt men dos: it doarp büten de Wel(le). Hwet is de Welle? Hwet en hwêr is nou dy Welle! Dy dochs net, derjinsen twisken de Waldseinder Ie en Koufird? Ef dy feart earne twisken Drylst en 'e Ryp? Beide kinne net yn oanmerking komme om 't hja fierstento fier fen Twellegea öflizze. Do frege ik boeren en arbeiders fen Toppenhuzen en Twellegea nei, eft hja sims ek fen in Walle ef Welle wisten. Mar it andert wier üntkennend. Dêrom bijoech ik my mar yn alde boeken, det dy my antwirdzje scoene. Ik lies yn in boarne fen 1511, it Register van den Aanbreng en yn 'e Beneficiaalboeken fen 1543 earst fen in Hoyte Wala en do fen in Hoytte Veile *). Der hie dos in Welle bistien, det wier düdlik. Mar vetris, hwet for in ding wier it: in feart? 'k Lies wol yn dy alde stikken, det it Saltlan der oan laei en ek it Stoulan en dizze stikken lan lizze beide bi-easten Toppenhuzen. Dermei twivele ik al daliks oan de gissing fen party, det de Hoyte Wala de Brekken is! ' Fierders pluze ik nei, ho faek dy Hoyte Wala wol net neamd wirdt yn 't *) Yn Snits stie in hüs „op Wellinge Streete dier Dirck Reintes In plijga toe wennyen" (1515). Meidieling fen dr. O. Postma Reg. fen 1511 en telde ünder Toppenhuzen wol in tritich kear. Tritich kear nêstlizzer fen in perseel lan! Det wiist op gans in langte! Deselde Hoyte Wala fen 1511 foun ik ek by Offenwier en 'e Jutryp, plakken, dy 't lyk as wy niis seagen, beide ek by de Gravinnewei bitritsen binne. Jans Jellema, boer to Toppenhuzen, syn „zeekere Twee Enden Welle of dijk, leggende bijna in des coperse haar land ingesloten onder den Dorpe O." (Keaperske wier Fokel Idses, widdou fen Douwe Tiedes to Topp. for ƒ 32.—). Sa krige ik dos in forbining fen 'e 16e mei de 19e ieu. Gravinnewei 'k Bigoun mei dizze wittenskip foar d' eagen, op 'e nij to freegjen by de minsken fen beide doarpen en den yn forban mei de Gravinnewei. Lykwols, de fortuten wierne lyts. In lytse oanwizing krige ik noch üt in skriftlike boarne, n.1. üt 'e Proklemaesje (= Forkeap) boeken fen Wymbritseradiel, d.d. 1(5 Mrt. 1801. Dêr hes ik n.1. de namme Welle wer en wol yn in keapakte, opmakke by de forkeap fen Murk (Klisjé Osinga.) Nou noch it kontakt mei de 20ste! En wrychtich, ik mocht slagje! Op ien fen myn „forkenningstochten" yn it gea, tortelde ik oan in Toppenhüster myn namme-öflieding fen Twellegea: „Twellegea is it gea, det buten de Welle leit," sei ik, „mar hwêr 't dy Welle roun hat, wit ik net krekt. Yn alle gefallen is er oan 'e Eastkant fen Toppenhuzen to finen." „Det komt üt," sei de man kalmwei, „ik wit noch skoan ho 't in alde arbeider hy it meanen fen 'e Rudige five sei: ..Earsl moat de ald Welle der mar öf," en det wier in hege eker yn det lan, in stik fen 'e Gravinnewei." Do 't ik det hearde, wier 'k hast krekt sa bliid as ien, dy't de 100.000 wint, hwent dêrmei wier oantoand, det de namme yette bikend wier, al wier 't den ek mar by ien Toppenhüster! Forkearde namme-öt'lieding fen Twellegea. Sa binne wy dos mei de namme-öflieding klear en doare alle oare nei it ryk fen 'e fantasijen forwize. Ut 'e aerdichheit jowe wy noch dy fen Johan Winkler yn 'e Vrije Fries XIII, side 299: „Even slecht geformd als de naam Uitwellingerga, zoo als tegenwoordig in geijkt boeke-nederlandsch 't friesche dorp Twellinga, bij Sneek in Wymbritseradeel heet. Twellinga, of beter nog, Twellingea zal wel zijn: 't Welling-gea, ! Wellingagea, dat is, 't gea of 't dorp van Wellinga, van de Wellingen, d' afstammelingen van Welle. D' onzinnige naam Uitwellingerga komt trouwens slechts voor in boeken en in den mond van vreemdelingen: de Friesen zeiven noemen 't dorp nooit anders als slecht en recht en redelik: 't Welling-gea, Twellingea!" * * * Konklüzjes. Dizze feiten kin men üt it boppesteande opmeitsje: 1. De Hoyta W(da fen 1511 is deselde dyk as hwet men yn 'e 19e ieu Gravinnewei bigjint to neamen, dit léste moai wis yn neifolging fen eastliker kontreijen. 2. De Gravinnewei is in ynportearre namme, tominsten forsafier as it it diel de Ryp, Toppenhuzen, Offenwier oanbilanget. 3. De Welle ef Walle hat syn namme oan it doarp Twellegea forboun Mar der is yette mear üt öf to lieden: 4. It doarp Toppenhuzen bistie al earder as Twellegea. Dit sizzen mien ik groundearje to kinnen op it algemien foarkommende forskynsel by plaknammenbineaming, det in hiele bult plakken hjar namme krije fen in oar plak. Lektor Sipma wiisde dêr lésten yn syn wichtige rede oer Fryske plaknammen ek noch op. „Leau mar net," sei er, „det plakken as de Rottefalle en de Falom troch de biwenners seis keazen binne: né, der binne doarpen üt 'e omkrite oan skildich, itsij det hja it diene vit spotkens itsij üt in oar hitinken " Namme-dflieding ten Toppenhuzen. Toppenhuzen hjitte eartiids Opmanhusen, Opnahuzum, Opmanahuysen (1492), Upmanhusum, Oppenhusum en Oppenhuysum (kadaster fen 1505). De hjoeddeiske s.n. Hollanske stavering Oppenhuizen komt der noch tichteby. De Fryske is Toppenhuzen en de letter T der foar forbjustert yen wol hwet. Wy scille neigean, ho 't dizze namme iintstien is. Op it plak, dêr 't de wide stream, de wide feart (dêrom ek Wytfeart = wide feart!) offisjeel Houkesleat hjitten, it wetter fen de Toppenhüster Aldfeart yn him opnimt, lizze oan wjerskanten fen 'e Aldfeart in nijmoad'rige koumelkerij en in rejale stjelp, dy 't beide de namme fen Top drage. By aids hjitte allinne it sté fen 'e stjelp sa en skreau men fen 'l Oj>. Dy ,,'t" is der letter oan fêstrekke en nou liket it in wird, as hie it hwet to meitsjen mei 't berneboartersgüd fen dy namme, ef mei in heuvel ef berch! Mar de aldste foarm jowt ütslütsel. It Op wier hwet hegers, in plak, det boppe de omkrite ütstiek. It is it bigjin wirden fen it lettere doarp Toppenhusen. Alle staveringen ommers fynt men it wird Op ef Up yn werom. It twiskenstik man, na, mana, pen is ta syn tsjintwirdige foarm kommen troch in taelproses, hweryn ü.o. de assimilaty in rol spilet.*) Husen, huzum, huysen, husum, huysum, is frij diidlik. De forklearring fen 'e namme komt dos hjir op del: der is in sté, det it Op hjit en det mei huzen, süd op, it plak foarmet. De ütwreiding bigoun fen 'e Top öf it Suden yn. Sadré as de Welle birikt is, komt men yn it hütendykse, en det is fensels net sa bést to biwenjen as it binnedykse. Ut 'e namme forklearringe blykt, det de Welle ek in wetlerkearende Iunksje hie. For dizze léste sin bin ik de lêzers in forklearring skildich. Dy komt hjir op del, det ik oantoane moat, det de Welle sikerwier in wetterkearende funksje hawn hat. Dêr for slaen ik earst it Register van den Aenbreng op en lés dêr b.g. fen 'e hoyta wala dick (ünder Toppenhuzen) en Hoyte walle myt de Dick, qenoemt *) l)e oarspr. bitsjutting scil wêze de minsken ef biwenners fen 't Op. Forg. b.g. Sloetmanna = de biwenners fen Sleat. Hoyta wala (ünder 'e Ryp). Oer de nammen Deekldn en Deeklansleat praetten wy al. Yn dy liden hat dyk noch de bitsjutting fen wetterkearing, yn tsjinstelling mei wei, det forkearsmiddel bitsjut. (Op 't heden mjuksje wy Friezen, en den foaral de klaeikers, beide wirden troch elkoar, omdet wy üs eigen tael net kenne). Det is dos in taelkindich biwiis. In twad taelkindich biwiis kin men helje üt de namme-öflieding fen Twellegea, dêr t ommers sa düdlik yn ütkomt, det it gea by de Welle del ef buten de Welle laei. Yn oansluting mei itjinge de hear Sipma hjir boppe sei, mei men feilich foründerstelle, det de nammejower fen Twellegea Toppenhuzen west hat. Ommers, der wier 't Op en yn 't „bütenwelske" it Del ef it Ut! Sa liket dos de Gravinnewei (Welle), yn alle getallen pleatselik, as wetterkearing tsjinst dien to hawwen. *) It is wol singelier, det syn haedrjuchting fen it Sweachster san nei Woarkum in greate oerien komst fortoant mei dy fen 'e Him- en Grienediken, dy 't faeks *) Ek de hear L. Dokkum hat deselde gedachte hawn, mar biwizen bringt er net by. (Vrije Fries 21). yn 'e 11e ef 12e ieu al lein binne (Sjuch it kaertsje). Hawwe üs Fryske öffears, do't de kinst fen dykmeitsjen noch net bare great wier, de alde lanrêch, troch de natuer seis makke, brükt as in natuerlike wetterkearing? It tiat der in soad fen. En deselde Friezen scille him brükt hawTwe as forkearswei; dêr wiist de namme Gravinnewei wol op. Sa is dos it üntstean fen beide doarpen net los to meitsjen fen 'e Gravinnewei. Oer de namme Welle. In pear opmerkingen oer de namme Welle moatte noch makke wirde. Foarst: Hwet is de bits jutting fen det wird? Lit üs foarop sette: Der binne mear Wellen yn Fryslan; hwa't it foargeande lézen hat wit, det wy al praetten oer 'e Welle by Waldsein en de Welle twisken 'e Ryp en 'e Weinsleat ünder Drylst. It plak Wjelsryp hat der ek syn namme oan to tank jen, ensfh. Al mei al sjucht men, de Toppenhüster Welle ef by aids Wala hat it ryk net allinne. Lit my lykwols meidiele, det de Welle ef Home, in alde feart twisken 'e Ryp en 'e Weinsleat syn namme oan deselde dyk, as „üs" Welle to tankjen hat. Ommers, der foart by, ef der njunken fynt men de lanrêch. De wirden Wale, Weele, Wiel hingje allegearre mei elkoar gear. It binne de gatten, dy 't by 't trochbrekken üntstien binne. Men ünderskaette in steunde dyk, d.i. in dyk sünder gatten en in dyk mei „walen", d.i. mei gatten. Hinget de namme Welle der ek mei gear? Den scoene wy tinke kinne oan in dyk, dy 't troch it wetter fornield wier. Ef jildt hjir it middelned. wird Welle yn 'e bitsjutting fen igge, kaeidyk by in rivier ef stream lans? Ik doar it net ütmeitsje. De oanwizingen binne to ündüdlik, f'ral dy yn it léste gefal. Det ik, noch yn it Register fen 1511, noch yn 'e Benefisiaelboeken, noch yn 'e Proklamatyboeken fen 1730—1800, noch yn 'e Floreenkohieren de namme Gravinnewei net tsjinkommen bin, is wol in sterk biwiis, it folk koe eartiids dy namme net, mar neamde him Welle. Hwet it earste diel fen it wird Hoyta Wala oanbilanget, doar ik gjin ütslütsel oer to jaen. Is it fen in persoansnamme Hoite ef sa 't men tsjintwirdich ek wol seit: Huitef Twisken it Fetsehol en de Nije Wei bisuden Twellegea rint op 't heden noch de Huitesleut, ienris in wiid farwetter, nou fen in opfeart-breedte. Kin Hoyta ek in forbastere foarm wêze fen (H)oite = ute, det wy dos in gearstalling krije, hokfor bitsjutting delkomt op büte dyk? Forswolge doarpen. Twa doarpkes hawwe, noch foardet Twellegea bistie, yn 'e omkrite fen Opmanhuzen lein. It iene hjitte Folpranga, Folpundagha (1448), Wolprandeskerke (1328) en letter Westerkerke. It oare wit ik de namme net fen. It iene laei yn 'e omkriten fen it Aldhöf, it oare oan it Krüswetter by de Snitser mar. Beide is der oars neat fen oer as in tsjerkhöf, for in part ef hielendal ünder wetter. Oer it forswolge doarp oan it Krüswetter hat de al earder neamde Lolke Dokkum inkelde dingen sein yn 'e „Vrije Fries 21." Dy 't der dos hwet oer neilêze wol, wirdt nei dy boarne forwiisd. Wolprandeskerke. Wy bipale üs by Wolprandeskerke, (de aldste stavering). It is yn it jier 1328. Opmanhusen en Offinghewere en de Prochyen van Snake *) buten der Poirte *) Snits. komme mei Wolprandeskerke yn in stik fen Greve Willem van Henegouwen foar. As de steatkindige skiednis fen 'e doarpen biskreaun wirde scil. komme wy der op werom. Wy bisjugge nou allinne de namme mar en komme ta it eintsjebislüt det er in soad fen 'e Evangeeljepreker Wolfram sines hat. Wulfran ef Wolfram libbe yn 'e 7e ieu en hat 5 jier as Frankysk sindeling yn Fryslan preke. Hy is hillich forklearre en lyk as wol faker barde, is syn namme oan in doarp forboun, yn dit gefal oan it foardoarp fen Twollegea. Hwet binne de biwizen for it eardere bistean fen in doarp oan it Aldhöf? Foarst al, de namme fen it wiid witter dêrre: Aldhöf. Hof bits jutte eartiids tsjerkhöf en noch bistiet de ütdrukking: „immen to hof bringe." Net allinne, det de namme noch oer is, ek it tsjerkhöf is der yette. Nou hat by in tsjerkhöf ek fêst in tsjerke stien en in tsjerke stiet ornaris yn in doarp! Twad: It Reg. v. Aanbr. en it Benefisiaelboek forhelje beide, det mear as ien stik pastorijlan (yn 1511 meiinoar 65 p.m., yn 1543 59^4 p.m.) yn 'e omkrite fen it Aldhöf laei. Tred: It bistean fen 'e folksoerlevering, det beide doarpen, Topp. en Tw., oan de wide wetters Brekken en Aldhöf lein hawwe en yn forban hjirmei scoe ik wize kinne op it bistean fen alde wetterputten, dv 't nou en den ris tafallich foar 't ljocht komme. Efter Geart Willems Atsma op 'e Noardein üt, leit oer 'e tramdyk in tige ünsljucht stik lan, fol stien, sadet it greppeljen der lang gjin wille is. Hjir nou waerd ien foun. Mear it suden yn, üt it earste fynplak wei bisjoen, yn 'e omkrite fen in stik lan „Aid Toppenhuzen" neamd (Seksje VIII nr. 152) kaem in twadden ien foar 't ljocht. Allebeide joegen düdlik bliken fen minsk'ne hannen makke to wêzen. Dizze spoaren fen in alde biwenning, mear nei it westen ta, lyk je de folksoerlevering to bifestigjen. üet lykwols hiel Toppenhuzen ea oan 'e Brekken lein hat, wol my net oan, omdet it den wol ütkomme scoe yn 'e literatuer fen 'e 16e ieu. De namme Westerkerk for Wolprandeskerke is fen Ietter tiid. Ipuwenaldc striid feil minske en wetter. Düdlik en klear sjucht men üt it boppesteande, det minske en natuer elts syn bar forlieze en winne. In doarp mei lan en al forspielt, mar de minske bout op in oar plak in nijen ien. Ut ien inkelde buert 1 üntjowt him in hiel doarp. I Komt by in fen minsken groeven feart lans to lizzen en de biwenners neame dy feart it Ges. 't Wirdt it paed nei de tsjerke dy 't 1'oart by it plak, dêr 't de Welle de streek krüst, boud is. Mar ek oare reisgers as it tsjerkfolk meitsje der gebrük fen, b.g. de boeren, as hja nei hjar lan ta farre ef nei Snits geane 0111 hjar fé ef gemaek to forkeapjen. De measte huzen komme oan 'e westkant to stean. Det hat syn reden, hwent de Eastpolder wier do noch for in great part sompe. De ieuwen komme en geane. De slachten stride tsjin 'e fijan: it wetter. To'n earsten forlieze hjar measte part, mar machtiger en taeijer komt der in nijenien for op. Ont der op 't lést in momint oanbrekt, det it wetter de team oanlein is. Mar det harde pas nei hünderten jierren. HAEDSTIK II. De politike skiednis fen Toppenhuzen en Twellegea It earste steatsstik oer Opmanhusen en omkriten. Honear de steatkindige skiednis bigoun is to rinnen, is net bikend. Yn it jier 1328 léze wy for 't earst oer Opmanhusen en il do noch bisteande Wolprandeskerke. Lyk as men wit. hiene de Hollanners it hjir do to sizzen, al dürre hjar regear den ornaris net lang. De Greve fen Hollan „Willem van Heynnegouwe" (Henegouwen) firdige yn det jier de folgjende proklemaesje üt: „Wi Willem van Heynnegouwe maken cond allen luden, dat Heyo, Zybrandszone Reynairde, van ons ontfangen heeft, behouden eiken anderen zyns rechts, onze Schoutambacht van Opmanhusen, van Offinghewere, ende van der Prochyen van Snake buten der Poirte ende van Wolprandeskerke, ende hi heeft ons ghesekert ende ghesworen ghetrouwe te wezen. In orkonden.... Ghegeven tote Hairlem des Zonnendaghes voir Pinxter, in 't jaer ons Heren MCCCXXVIII". De Heinarda's. In edelinanslaech dot oer Toppenhusen regearre hat. In Frysk edelman, wy scoene tsjintwirdich syn namme Haeije Sibrens Reinarda skriuwe, krige dos it opsicht en biwald oer Toppenhuzen, Offeriwier, de parochy fen Snits buten 'e poarte en „Wolprandeskerke". It liket der in soad op, det dizze Reynarda ek to Toppen huzen wenne liat. Ut letter tiden is üs n.1. bikend, det der in Reynardastate to Toppenhuzen stie; yn 'e 14e ieu, faeks ek wol de 15e, lést men fen in Oege Reynarda. Dy hie in soad skeel mei de Douma's oer it kleaster to Haske. De Douma's woene dêr müntsen yn havvwe en it slagge hjarren ek, dy dêr to krijen en de nonnen moasten oars mar ünderdak siikje. Oege Reynarda spile it klear in 11 ij kleaster for hjarren to stiftsjen en wol op 'e groun fen 'e Rlomkampster Abdije by Hartwert. Fen gefolgen kaem it stift Oege' kleaster to hjitten. Oege R. kaem fen Starum, do noch in stêd fen oansjen. Faeks komme üt dizze Reynarda-staech de Rrederode's foart. Det der twisken dizze beide Reynarda's sibskip bistiet, is sünder mis: Haeije krige in baentsje fen in Hollanske greve en Oege wier berne to Starum, de meast Hollannistyske stêd fen Fryslan. Oege troude twarris en by syn twad wiif krige er in Sikke (dy om it jier 1461 yn 'e skiednis foarkomt) en forskate dochters. In twadde edele famylje, dy 't oer Toppenhuzen (en faeks ek wol oer Twellegea!) regearre hat wierne de Bonninga's. De Bonninga's. Faeks troch houlik hawwe hja it biwiild oer krigen. In Rroer Bonninga n.1. troude mei in At ef Tjets Reynarda. Nou hie Broer in nicht, dy 't ek At hjitte en Bonninga as fan. Dy troude mei Tsjomme Oenes Wiarda. By hjar libben stiften hja tvva kleasters, n.1. it Galileërkleaster by Ljouwert en Griene Dyk by Snits. Men neamde de frou Atmoeije. Hja stoar yn 1471 en formakke hjar stins Bonningastate to Toppenhuzen oan Pier Foppes Zyaerda (Sjaerdema) dy 't nei hjar heit neamd wier en him tonei Pier Bonninga oan Zyaerda skreau. Dc Sjaerda's. Dêrmei wier it regear yn hannen fen in trêdde famylje, letter allinne mar Sjaerda neamd. In lytse genealogy en Iibbensbiskriuwing jowe wy derf en: Pier Foppes den wier in soan fen Perck Bonninga en Foppe Foppes Sjaerdema yn 'e Moarre bv Abbegea. De alde Foppe forstoar de 6e Sept. 1490 oan 'e gefolgen fen in oanfal op syn stins troch de Hettinga's fen 'e Hommerts. Pier troude mei Tryn Lolkesdochter fen Burgwerd. Fjouwer bern krige er by hjar, n.1. in At, Goffe, His en in Tsjomme. De stins fen alde en jonge Sjaerda i'orbarnd. Foardet wy lykwols de lettere staech opskriuwe, wolle wy ris hearre hwet Pier Foppes meimakke. Hy libbe yn in tiid, det us heitelan oan 'e greatste anarchije bleat stie. Twa partijen, de Skieringers en de Fetkeapers bifochten elkoar op libben en dea. De doarpen, dy 't oan drokke forkearswegen leine, wierne net lokkich. Bran, moart en rövjen wier oan 'e oarder fen 'e dei. Toppenhuzen en Twellegea hawwe der net in soad mei hawn to rédden. Det kaem fen 'e lizzing, dy 't min-efto-mear isolearjend wier. Dochs üntkamen hja der net hielendal fen. It gefaer bigoun to driigjen, do 't yn 'e Hommerts in Epo Tites Hettinga mei syn soan hjarren üntjoegen ta in pear echte fjuchtersbazen. De boi kaem opsetlen, do 't de soan fen Hettinga yn Septimber 1490 de stins fen Pier syn heit to Abbegea bistoarme mei fjür en reek. De ald man hie soks hielendal net forwachte en fen gefolgen gjin folk op 'e stins, det hy moast it al gau oerjaen. Douwe „spolieerdet ende brandet". Mar hwet it slimste wier, Foppe, „die een guedt, vreedsaem oldt heerschap was, sterff daer nae, binnen drie daegen, van die moeienisse ende bangichheit". In goed heal jier letter, de 22e Maert 1491, gong de soan der wer op üt en nou biselskippe fen syn heit. De reis gyng nei Openahuysen om de stins fen Pier Sjaerda. Hja krigen him ek „met loosheyt" seit in skiednisskriuwer-tiidgenoat. Hwet de reden west hat fen dizze leffe oanslaggen, kin men min neigean. Faeks om 't de Hettinga's Fetkeaper en de Sjaerda's Skieringer wierne ef oarsom. As it Begister van den Aanbreng yn 1511 opmakke wirdt, is Pier Foppes al wei. Wy léze wol fen Goffa Piers, syn soan. Dy wier troud mei Tet Hobbes van Epinga en hja krigen fiif bern, n.1. Foppe, Hobbe, Pier, Perck, Doedt. Yn 1511 libbe Piere widdou, Katherina neamd (hwet itselde is as Trvn!) noch wol. De titel fen Goffe Piers en syn mem is „hoeffling" (yn 't Holl. hoofdeling). Yn 1543 is Goffe Pyersz. Bonninga a Zyaerda noch „heerschip" en tagelyk tsjerkfad mei twa boeren. Toppenhuzen en Twellegea neamd yn in fordrach fen 1492. Under dizze trije eale famyljes hat Toppenhuzen swiete en süre, fleurige en drövige tiden meimakke. Ef wier it b.g. net in drövich feit, do 't yn 1492 de nammen fen 'e doarpen „Opmanahuvsen" en „Wtwallinghergae" foarkamen yn in fornederjend fordrach mei de stêd Grins? Beide stiene hja yn dy tiden under biskerming fen 'e stêd Snits, lyk as sa folie oare doarpen yn 'e omkriten. Sjucht men it aldste kaertsje, dêr 'I T. en Tw. op lizze, ris nei, den fornimt men al daliks, det der hielendal gjin lanwegen to bikennen binne, mar wetter wegen omstomear. Op in feilige öfstan rint yn it Noardeasten de Houkesleat. Deun oan 'e bürren fen Twellegea foarbv rint de Brêgesleat. Dy sleat is in bidriging yn tiden fen oarloch en reboelje. By 't winter, as alle modderdiken en lanpaden ünbigeanbear binne, moalte frjeon en fijan dêr gebrük fen meitsje, ja, ek simmerdei is it gefaer net oer. Yn 'e Spaenske tiden. Men wit allegearre wol fen it forrie fen Rennenberg yn 1580, dy 't bisocht hiel Yoardlik-Nederlan de Spanjoalen yn hannen to spyljen. Mar lokkich hiene üs Fryske Steaten him yn 'e rekken en krekt op tiid lieten hja de bom de oare kant ütspringe. Rennenberg slagge it lykwols Grinzerlan, mei as sintrom de haedstêd Grins, to bimasterjen en hy brükte dy stêd as in ütfalspoarte tsjin 'e krigele Friezen. Letter krige de Spanjoal de stêd Stjinwyk ek noch yn bisit en do bidrige er fen twa kanten it Fryske lan. O, dy eangst fen it folk, as it winterdei wier en sterk iis! Den waerden de wiidten feil'ge wegen en de sompen flakke fjilden. Yn 'e Spaenske tiden moasten de boeren dêrom in soal iepen balde. Mar hwet tsjin in fijan to dwaen as er mei eigen jachten en yn 'e simmer de feart delkaem? Unwiere birjuchten yn Winsemius pn Schotanus oer 1588. It wier de 26ste ef 27e Augustus fen it jier 1583, det de Snitsers yn tüzen noeden sieten oer hjar stêd, hwent de grêften waerden slatten en der wier to min bisetting. Oene fen Grovestins, bifelhabber oer it garnisoen, frege om mear folk. hwent, skreau er, der wier him trochdien, det de fijan mei trije jachten de Rien trochfearn wier, Toppenhuzen forbarnd hie, omdet de boeren hjar net finzen jaen woene, en Twellegea plondere. Dêrnei foer de röversbinde nei Jirnsum. It hie foar to kommen west, seit Schotanus, de skiednisskriuwer, as de boeren meigeander west hiene. Bihalve it léste den, is it boppesteande forhelle fen Winsemius yn syn Chronijck. Nou leit yn it Ryksarchyf to Ljouwert de brief fen Grovestins noch en der stiet yn (oerset yn üs eigen tael): Hwet der wol (en oan is. „De fijan is mei 3 jachten, op elts jacht seis pear rimen, de Rien by Boarnswaech lans op üs kusten oankommen en foarby gongen. Fennacht hawwe hja twa huzen yn Raerderhim forbarnd, omdet de hüsman (sa neamde men de boer) him net finzen jaen woe. Mar ünderwilens waerden de klokken let en üs soldaten, dy 't to Poppenwier leine, binne mei inkelde boeren nei de bran flein om de boer to üntsetten. Lykwols, hja founen neat. De fijan is nei Jirnsum fearn." Det liket dos net folie op it forhael fen Winsemius e.c. It folksforhael, det op 't heden by de Toppenhüsters en Twellegeasters giet, as scoene beide doarpen ienris troch de Spanjoalen üt 'e Brekken wei platsketten wêze, scil yn dizze stoarje syn ütgongspunt wol hawwe. Mar, botte folie wierheidsskyn hat it net! Fortrouder is it brief fen 5 Septimber 1583 oan 'e Dippetearre Steaten, dy 't wer oer trije jachten fen 'e fijan skriuwt, swalkjend yn 'e omkrite en kommende fen Skoatersyl. De skriuwer klaget oer it minne opkommen fen 'e boeren, as der wirk dien wirde moat for it kearen fen 'e fijan. 't Is sa binaud, det hja bytiden de bern stjüre! I)c stimkohicren ten Toppenhuzen en Twellegea. Nijs op steatkindich gebiet, üt 'e 17e ieu, is der suver net to fortellen. It folk hie net folie to sizzen; det docht wol bliken, as men de stimkohieren fen 1 (>40 neisjucht. Alle stimmen (26 stiks for Toppenhuzen, 17/4 for Twellegea) birêste meastepart by forname ljue, dy 't büten it doarp wenje. Yn 1640 fynt men ünder Toppenhuzen mar twa einierde boeren, dy 't boppedet noch mar V/2 stim togearre hawwe. Hjar nammen wierne Jan Rintkes en Aucke Lieuwes. Yn 1698 bidraecht dit tal mar ien, (1 stim) op namme fen Douwe Aukes. En hwet it jier 1728 oanbilanget, 4 boeren, hwerfen 2 mei in hiele en twa mei resp. /4 en Va stim, meije meidwaen oan forkiezings for tsjerke en gritenij. It wierne resp. Teade Annes, Watte Annes, Obbe Ruerds en Age Skeltes. Fierders wierne it hierboeren, dy 't for in part hjar lan fen 'e tsjerke ef de dümny hierden, ef fen in eigener büten it doarp wei. Yn 1640 hat de „pastoor" (sa neamde men dümny do noch) oer 2 stimmen to biskikken, en de tsjerkfadij ek oer twa. Yn 1698 wierne dy tallen resp. y/2 en 2, yn 1728 resp. 1 en 3. " Hwet Twellegea oanbilanget, dêr Ieine de forhaldingen as 't folget: Yn 1640 4 boeren dy 't hwet mei to sizzen hiene, hwêrfen Rinnert Sines 1, Ate Ypckes in heal en Harmen Cornelis en Harrnen Jacobs elk in heale stim yn ien pleats hiene. Yn 1698 3 boeren, hwêrfen Douwe Hettes 1 stim, Simme Ites in heal (op it hüs en hiem, det er biwennet) en Sjoerd Annes */# stim. Yn 1728 6 boeren, hwêrfen Hette üouvves ien, Franke Meijes ien, Bartle Douwes in healen, Marten Piters ien, Hein Tsjeards ien en Ruerd Dirks widdou in heale stim bisieten. Tsjerklike eigendommen hiene yn 1640 ien stim, yn 1698 ek ien, en yn 1728 oardel stim. Wv komme dos ta it folgjende staetsje: Toppenhuzen 26 stimmen 1 fidll Stim" IfiQX Stim" 179«lStim" 1640 men 1698 men m8m_en boeren boeren boeren Einierde boeren 2 U/2 1 1 4 25/,; tsjerke 4 51 /J - 4 oare eigeners. . 20l/2 IS'/ï 191/i> 26 26 26 Twellegea 17 ^2 stim boeren boeren boeren Einierde boeren 4 2V2 3' l2/s 6 5 tsjerke — II — 1 — li/2 oare eigeners. . — 14 — 145/g — 11 | IWj { 17V2 171/2 Minne tiden. Yn 'e 18e ieu waerd it boerefolk bisocht fen greate pleagen. I11 freeslike fésyktme makke forskate boeren earm en faker as ienris lêsl men ten in pleats. dy 't troch de eigener forlitten is, 0111 't er net by steat is de swiere lésten to bitel jen. Den komt de Provinsje en nimt it spil yn bislach. Letter wirdt it forkoft en lést men yn Floreenkohieren sinnen as: ,,Sinne Jetzes verlatene zathe" fen 55 p.m., ef „Hessel Sytzes verlatene zathe" ten 49^4 p.m. Hwet in tragyk yn dizze inkelde wilden bisküle leit, is net mei in pear wirden to sizzen. En det de boeren op 't lést oan de ein fen hjar gedild wierne, hoecht yen net to forwünderjen, tomear as men wit, det de lésten lang net altiten rjuchtfeardich fordield wierne. Yn 1748 brekt in foech oproer üt oer hiel Fryslan. It giet binammen tsjin 'e hierders fen 'e bilêsting. De „Arniade" op 'e Brekken! Ek üs beide doarpen hawwe der in rol yn spile. VVy binne sa lokkich, det in tiidgenoat, Jhr. Vegelin van Claerbergen, grytman fen Doanjewarstal en wenjend op Langwar, syn ünderfiningen to boek steld hat. „2 Junij, synde Pinksteren," sa skriuwt er, „quam des morgens yemant van Sneek by mij, seggende, dat hy onderwegen gesien had twee groote schuiten vol boeren wel gewapent, coomende van Twellenga en Oppenhuizen, samt de leege gaen, synde Offingawier en Gouw, cours settende na de Hommerts etc. alware sij de predicant die ter kerken stond te gaen om het H. Nagtmael te celebreren, mede namen, gelijk sij ook op veel andere plaetsen deden. Sommigen voegden daer bij die dese scheepsarmade hadden gesien, dat ze na onse (= Langwarder) kant wilden. Dog sij gingen verder na Woudsend, alwaer se de schoolmeester versogten uit de kerk bij haer te coomen, wien se seyden Ds. in 't oor te willen luisteren, of hij 't wal cort wilde maken, dat de tijt het nu medebragt, waerna se de executie aen de collectboeken, gelijk geschiede, deden, en doen eenighe haer revs vervolgden over Indijk en elders en andere wederkeerden, synde dit de algemeene leuse: dat drie dorpen met alle man reisden na 't vierde, en als zij daer haer dingen gedaen hadden, het verste of 1ste dorp terug trok " Howol de „Armade" fen Legeanster mei Toppenhüster en Twellegeaster boeren gans freedsumer bidoelingen hie, as dy fen 1588, nou 350 jier forlyn, wierne hja dochs gans in ein buten de legale wei. Det hja for sa'n ekspedity in Snein ütkeazen, mei faeks in oanwizing wêze, de need wier lieech riisd en dêrmei de lilkens. Faeks hat de Toppenhüster dümny fen dy tiid, Hetto Reinalda. de tocht ek wol for in part meimakke, mar den fêst net mei nocht! Napoleon freget ek soldaten üt 'e Streek. Ho 't it yn 'e Franske tiid yn Toppenhuzen en Twellegea tagie, wit ik net. Wol foun ik, det ek Toppenhuzen en Twellegea jonge keardels öfstean moaslen oan Napoleon, de Hearsker. Yn e Ljouwerter krante fen 1 Maeije 1874 stiet in adfortinsje fen de folgjende ynhald: „Gisteren in den laten avond overleed alhier, zacht en kalm, in den ouderdom van 82/4 jaar, onze waarde Vader en Behuwdvader Willem G e e r t s A t s m a: treft het afsterven van een beste vader zeer smartelijk, wij zijn integendeel dankbaar aan God, die ons hem zoo lang deed behouden; te meer zijn wij dit bij de gedachte, dat hij in zijn jongelingsjaren als Milicien in dienst moest treden onder de legers van Napoleon I. en daardoor 'onderscheidene veldtochten in Duitschland moest medemaken, met levensgevaar gevechten bijwonen, gepaard met kommer en gebrek, terwijl hij eindelijk uit Poolsch-Pruisen, als deserteur den Vaderlandschen bodem weder mogt bereiken, en aldaar door de Voorzienigheid, in die mate met tijdelijke middelen werd gezegend, dat met die stille bedaardheid, welke hem in zijn gansche leven steeds eigen was, hij onbeschroomd tot dezen hoogen ouderdom kon voortleven. Uitwellingerga, 24 April 1874. Uit naam van Kinderen en Behuwdkinderen. F. W. Atsma Fen 'e hear A. L. Atsma op 'e Südein hearde ik in wiidweidch forslach oer dizze persoan en syn aventüren. It is wol sa wichtich, det it for de takomst biwarre bleaun wirde moat. Willem Geerts Atsma den liie in twjillingbroer Ane, dêr 't er in soad fen hold. En net allinne det Willem fen Ane hold, mar Ane wier ek mal mei Willem. Willem en Ane yn 't Franske leger. I)o't den ek Willem om it jier 1811 hinne oanlotte for de tsjinst ünder Napoleon, wier der gjin rie ta. Frijwillich gong Ane mei, om dochs mar by syn broer to wezen. Mar do 't hja yn Dütsklan kommen wierne, waerden de broerren yn forskillende kompy's yndield en fen gefolgen wierne hja dochs noch fen elkoar skaet. Ienris noch hat Willem Ane sjoen; Ane gyng krekt nei it front, do 't hja der wei kamen. For it lést wier it Willem krige al mear en mear syn nocht. Hy lei by himsels oer, as 't hwet koe, to flechtsjen. Mar, dit wist er ek, op deserty stie de deastraf! Hy tinkt der net allinne sa oer: In Dütsker yn syn öfdieling is fen 't selde bitinken. Op in joun seit Willem biret: „Ik sk t yn 'e fjildtsjettel!" hwet op it- selde delkomt, as ,,ik forpof it langer". Willem pykt rilt. De Dütsker folget him en nou brekt der in slimme tiid for de beide deserteurs oan. Oerdeis doare se net to reisgjen; den lizze se ünder rüchte ef deade blêdden: jouns en nachts lykwols binne se op 'en paed, troch bosken en strewellen, Onderwallen en bannen. De honger bigjint hjarren to pleagjen. Mar hja kinne de minsken dochs net om in jelmis f reeg je9 Alle doarpsminsken ef reisgers kinne ommers wol frjeonen fen 'e Franskman wêze! Stelle den? Ja, der sit net oars op! Ienris op in joun tinke hja, det hja forret binne. Oer in ünderdoar hinget in man, hjar kanl üt to sjen. Sjucht er hjarren? Hja wirde sa kjel, as scoene hja it bistjêrre! Mar, lokkich, op 't lést sjugge hja, de man hinget oer de ünderdoar en sjucht yn 't waer! Altvd lykwols is dit aventür hjar bybleaun. Yn Ituslan. Aloan flechtsjend foar de Franskman üt, bilanje hja troch Poalsk Prusen yn Rnslan. Hjir doare hja wer better foar 't Ijocht to kommen, 0111 't Ruslan's fijan hjar fijan is. Mar altiten to swalkjen en lo biddeljen noasket hjar ek net. Dêrom siikje hja wirk en as hja in Russyske hoer op in oksekarre, dy 't syn güd foartbringt, tsjin komme, halde hja him oan. En hja binne oan 't goede kantoar. Hja kinne wol nei syn hüs ta gean en houtkappe! Hy neamt syn namme en det is it wachtwird for de oare hüsgenoaten om de swervers op to nimmen. Mar jimmer en altiid marsjeare de legers ten Napoleon fierder. De streek oan Moskou ta, foroverje hja. Noch jimmer binne de flechtelingen yn gefaer. It bifel komt, leverje de deserteurs üt! Lykwols, den komt de greate delgong for de Korsikaen Minnende üt liuslan wei. De boeren wirde oproppen, om him ta it lan üt to jeijen en efter de flechtsjende en forfolgjende Franske en Russyske legers oan, sette de twa deserteurs op hüs ta. Stadich giet it, hwent alles moat geandefoet. Troch hiel it lange Dütsklan swalkje hja hinne. Nei tiden lang foart west to hawwen, stiet op in dei Willem Geerts by syn famylje op 'e Noardein foar de doar. Dêr wirdt er opnommen en as in deade, dy 't opstien is, bigroete. Yn + 1831 wirdt er lidmael Letter wirdt Willem alderling yn 'e tsjerke. ( + 1837). Hy wol hast net fen de tocht nei Ruslan fortelle, sa is 't him neigien. As de oaren it oer de Franskman hawwe, guit er. Ien fen syn dochters krige it forhael by biten en brokken los en tortelde it wer oan hjar bern. De oantins oan dizze krigele Streekster scil by alle Toppenhüsters en Twellegeasters yn eare bliuwe! Ane yn Eastpi'usen efterbleaun? Ho 't it mei Ane öfroun is, wit men net. Mar frjemd wier it, det in broer fen Ane Lammerts Atsma, (dy 't my sa tige forplichte mei it forhael hjir boppe biskreaun, to fortellen), yn Paterson (U.S.) in &lde frou oantrof, mei de namme widdou Gerardus Atsma en bifoun, det hia fen komöf in Eastprusyske wier! Hat Ane him der nei de tocht deljown, faeks om 't er tocht, Willem is dochs omkommen? En is syn bern neamd nei de heit dy '1 Geart hjitte yn it Frysk, mar Gerardus yn it Dütsk waerd? Fragen, dy 't to'n earsten net biandere wirde kinne, mar dy 't dochs in yngeand ündersiik wirdich binne. Wy bislute dizze tige nijsgjirrige skiednis mei to forheljen, det Willem en i)e Aldfeart op 'e Noardein Klis jé Leeuw. Nwsbld. Ane healbroers wieme fen Atse Gearts, de forneamde hirdrider fen Tersoal en det hja clêr moai wis ek wei konirae. * * $ Troch it Floreenstelsel bleau yn 'e 19e ieu it stimrjucht by inkelde persoanen. De liberalen hawwe oan it midden fen dy ieu ta de toutsjes yn hannen halden, polityk en tsjerklik. Nammen lyk as Kees en Piter Walma, heit en soan, hawwe yn dy tiden klank. HAEDSTIK III. De wettersteatkindige skiednis fen Toppenhuzen en Twellegea. Lyk as üt de haedstikken fen it üntstean en de steatkindige skiednis fen Toppenhuzen en Twellegea wol bliken dien hat, spilet de wettersteat in greate rol. Yn Piter Walma, boppeneamd, syn tiid hart it wichtige feit, det de Streek oansluten wirdt by de stêd troch de nije wei. Hwa 't foar dy tiid nei Snits ta reisge gie rinnende ef mei it boat. De earste soart moast troch 't lan, oer tillen en houten. De twadde folge it Ges en de Houkesleat. Riderij scil men net folie hawn hawwe, omdet dy gewoanwei net brükt wirde koe. Allang hie it oanlizzen fen in wei yn 'e mounle west. Snits hat der sines wol ta dien en liet it each falie op Langwar en de Jouwer. Yn 'e 18e ieu wier der al sprake fen in wei by de Waldfeart en Brekken lans nei Langwar. De 7de April 1862 kamen de Rieden fen Snits en Haskerlan gear oer in wei fen Snits nei de Jouwer. Mar der is neat fen kommen. To'n earsten moast men tofreden wêze mei in koarter ein. Taksateurs enst'h. Do 't it den einliken safier wier, det ta de oanliz bisletten wirde scoe, waerden ü.o. taksateurs bineamd, for de groun, dy 't ünteigene wilde moast. Wy léze de nammen fen Durk Tsjeards Zylstra, keapman to To., Wibe Wibes Cnossen, boer to To-, Douwe Piers Oppedvk, saekwaernimmer yn 'e Hommerts. Allegearre wierne oanwiisd fen de grouneigeners. Yn 'e kommisje fen ütfiering sieten Willem Tsjepkes van deiMolen, boer to Ysbrechtum en Piter Knealis Walma, boer to To. It bistck. De 19e Maeije 1865 wirdt it wirk publyk oanbistege. Yn it bistek lest men ünder oaren: de Dyk scil rinne fen 'e stêdsgrêft to Snits ont en mei de Südein. Der moat in daem lein wirde yn 'e feart, „Sperkhem" neamd. Fiif brêgen moatte boud wirde, t.w.: 1". Ien draeibrêge oer 'e stêdsgrêft to Snits (de s.n. Toppenhüsterdyksbrêge, yn 1937 öfbritsen); 2". In draeibrêge oer 'e opfeart, twisken de perselen R 47 en B 48: 3". In draeibrêge oer 'e Broersleat; 4". In fêste brêge oer 'e Leijesleat (in pear jicr forlyn wer iornijd); 5°. In draeibrêge oer 'e Opfeart twisken de perselen gemeinte To., seksje B 325 en 333. Om op 'e Stidein to kommen, moat men gebrük meitsje fen in „pontveer" det apart oanbistege wirde scil. De oanfier fen groun moat mei karren ef kroaden barre. Wirklean tor in timmerman ƒ 1.50 deis en for in arbeider ƒ 1.20. For in hynsder en wein ef karre mei in man moat ƒ 2.75 deis rekkene wirde. Binnen seis moanne moat de grounbaen klear en foar 1 July 1866 moat it gehiel klear wêze. Net earder as 1 Maert mei men bigjinne mei floerjen, bigrindzjen ef straten. Oannimmers en opsichters. It wier de hear Tymen Hendriks Loen fen Westermar, dy 't it oannaem en hy barde yn 't gehiel ƒ 27893.23. Meioannimmers wierne Durk Piters Herschoe, keapman to Skarsterbrêge, ünder Skarren, en Gerryt Jans van deiRijt, oannimmer to Aldehaske. Thomas Ottes Schuurmans fen Easterlittens bout de 5 brêgen „en ten dienste van een schouw of pontveer vier lei-, of schermhoofden en twee veerdammen" mei de fearmanswent. Hy bart yn 't gehiel 5 X ƒ4198 = ƒ 20990, hwet aerdich minder is as de bigreating (ƒ 22190). Ilindrik Michiels de Jong, hellingbaes to Heeeh. levert de skou for ƒ 1250; Mink Ottes Schuurmans, smid to Heech, makket de keatlingen for ƒ 133.05. It opsicht oer dit wirk hat Heije Jans Jaarsma fen Snits en hy üntfong derfor as salaris ƒ 600.—. Under him stiene de opsichters Willem Steenbergen, ek fen Snits, for ƒ 15.— yn 'e wike en Ilidde Klazes Jongsma fen Sleat, for ƒ 12. wyks. lepening. De 10e Augustus 1866 waerd de wei iepene. Det dit wichtich feit net sünder feestlikheden foarby gien is, is to forwachtsjen. It Gemeintebistjür fen Wymbritseradiel gyng mei de boeijer fen W. T. Zandstra to Snits, it wetler op, om de wei op to nimmen. Yn 't gemeintearchyf fen Wymbritseradiel, dêr 't ik boppesteande feiten en sifers lithelle en det sa kreas ynventarisearre is fen 'e hear R. Alta to Snits, foun ik de rekken noch fen it feest. Sa koste de boeijerhier ƒ 4.—. Nei öfrin fen 'e tocht gyngen de hearen nei de „Stad Munster" fen 'e widdou Vogelsang, en lieten der in diner opsette fen ƒ 33.—. Njuggen flessen Bordeaux waer- De Skou in 25 jier forlyn den opdronken a ƒ 1.50 en for ƒ 3 fijne" segaren opsniookt. De doarpen seis scüle sünder mis ek meidield hawwe yn 'e feestwille. De bitsjutting fen de iepening fen dizze nije wei hat west, det nést it wetterforkear it lanforkear bigjinne koe him to üntjaen. Sünt binne der al wer forskate jierren oer hinne gien en de wei is in echte Toppenhüster wei bleaun. Noch jimmer rint er dea tsjin 'e Brêgesleat, mar de skon bringt yen op it forlangstik oan de oare kant. Lykwols, den komt al gau de Hoarse, en 't is wer hou. It forkear fen 'e takomst. Mar aensen, oer in pear jier scil by To. en Tw. lans (lokkich net troch, hwent det hie it moaije doarpsbyld en de doarpssfear skeind!) in machtige forkearswei rinne, Rykswei 43! De grounhaen leit al for 't greatste part en op it ein Snits-Broersleat binne se oan 't bitonnearjen. Allinne it ein Brêgesleatlïoarse is noch lyk as jimmer, yn öf- wachting ho 't it nije kanael fen 'e Snitser mar nei 't Aldhof rinne scil. Al mei al, To. en Tw. binne dermei l'olslein üt hjar isolemint bifrijd. Dit bliuwt der lykwols fen oer, det for beide doarpen it wetter as forkearsmiddel syn wearde balde scil troch alle tiden. Ek de minder ginstige side fen dit elemint, de driging, bliuwt bistean. It gefaer fen oerstreaming is sa great lang net mear as eartiids, f'ral nou 't op Teakesyl sa'n manske mounle stiet. Mar as de eleminten, wyn en wetter gearspanne, giet it der om yn 'e lege lannen fen 'e Streek. It wetter as gefaer yn 'e 19e en 20e ieu. Mal gyng it ta, do 't yn 1825, de 4e en 5e Febrewaris, de sédyk by Skoatersyl, Woarkom en oare plakken troch de üntsachlike krêft fen 'e stoarm en de oerstjüre sé trochbriek. It salte wetter streamde oer lannen en diken en jage it farske foar him üt. Ynienen seagen de forhearde biwenners ho 't it bütenwetter mei föleindige gong bigoun to streamen en tagelyk opsette. De wetterfloed fen 1825. De Snjeons 5 Febr. om 7 ure hearden de biwenners fen Toppenhuzen en Twellegea in great geraes. It wier it wetter det oer 'e polderdiken fleach en do op 'e doarpen oan stoude. Hinnen trije üren wierne de omkriten in sé gelyk. De oare deis wier it wetter oan 15 palm ta opsetten. It bigoun, krekt as de Snitsermar al gans salt to wirden. De need wier i>reat yn de beide doarpen en oare yn Wymbritseradiel, om 't 53 hüshaldingen hjar liüs forlitte moasten en yn 'e tsjerke wen je. Alles kaem dér op ta: minske en bist. De Sneins hellen de Snitsers 400 stiks fé op. Yn 'e Langwarder tsjerke stiene ü.o. de kij fen twa Twellegeaster boeren. Yn 'e Twellegeaster tsjerke stiene 70 kij en yn 'e Toppenhüster 40. Det der gün fordronken binne wol ik net leauwe. De ,.Watervloed van 1825" fen v. Leeuwen tortelt allinne fen skiep, to Twellegea forsüpt. De 3e April fong men to Toppenhuzen noch in stikmannich hearringen! Op dizze ramp folge in koarts, dv 't oan mannichien it libben koste. * * * Heeeh wetter yn 1910. Letter, yn 1910 hat it de beide doarpen wer tige nei stien. Dizkear lykwols wier it gjin séwetter, det de lannen der Twellegea bv de oerstreaming fen 1910 ünder sette, mar it bütewetter. In pear plaetsjes fen dy tiid halde it oantinken oan dit natürbarren fêst. Op it iene sjugge wy de bürren fen Twellegea, fen e tramdyk öf en op it oare de pleats, dêr 't nou Dragt op wennet. Yn dy tiid kaem minister Talma om de heech-wetter-gefolgen mei eigen eagen op to nimmen, ü.o. to Twellegea. Syn Eksellinsje hie do krekt malleur oan 't each en droeg der in lapke foar. As de Twellegeasters it dêr letter oer hiene, neamden se him: Blyn-ien! Lekke diken yn 1921/22. Noch farsk yn it oantinken leit de oerstreaming fen 1921/22, do t troch de droege simmer fen '21 de diken as teamzen sa lek wirden wierne. Foaral op 'e Südein stie do alles blank! Bitsjutling fen sterk iis for in Wetterlansk doarp as Twellegea. As it sterk iis is, fart de skou net inear. Sa lang it der net troch kin en der net oer, moat der fensels wol in soal iepen halden wirde, hwent oars scoene de De pleats, dêr 't nou Dragt minsken op 'e Südein slim forlegen wêze. De trambrêge leit der wol, mar dy is for forkear mei molkweinen, bakkerskarren ensfh. net birekkene. It is tsjintwirdich, nou 'l hiel hwet forkear it wetter forlitten en de dyk for kar nommen hat, al in lést, lit stean, ho 't it in heale ieu forlyn wier. As it einliks sa fier wier, det it iis halde koe, den üntstie der in drok forkear fen foetgongers oer 'e Brêgesleat. It jongfolk makke in iisbaen en for makke him alderdanichst. Men moat krekt yn in wetterlan as Toppenhuzen en Twellegea wêze, om biseffe to kinnen. p wennet, yn 't wetter (1910) hwet sterk iis for hjarren bitsjutte. Mannich hirdrider hat der yn dit gea libbe. Hirdriders üt 'e 19e ieu. Ut in alde list fen in hirdriderij fen e ,,IJsver. Sneek" op 13 Jann. 1864 om prizen fen ƒ 100.— en ƒ 30.—, mei 32 meidoggers, helle ik de nammen fen de folgjende Streeksters: Sjoerd Faber, Tw., 28 jier; Tewis Hettinga, To. 32 jier; Gerrit de Jong, Tw.; Gerben R. Veldhuis, To. 29 jier. De Moandeis dêrnei (18 Jann.) forried deselde foriening „in gouden horologie . met ketting en signet, ter waarde van ƒ 150.—" en in preemje fen in wearde fen ƒ 50. —. Der wierne 96 meidoggers, ü.hw. de folgjende Toppenhüsters en Twellegeasters: Atse F. Teppema, Tw., 22 jier; Boate D. Oppenhusen, Tw., 24 jier; Tewis Hettinga, To., 32 jier; D. D. Boersma, To., 30 jier; D. Gerlofs, To., 22 jier; Tj. P. Koopmans, To., 34 jier; Ate D. de Jager, Tw., 27 jier; Anne D. Zylstra, Tw., 28 jier; Gerardus R. Veldhüs, Tw., 25 jier; Gerben R. Veldhüs, Tw., 28 jier; H. H. Oppenhusen, Tw., 18 jier; Atse W. Rodenburg, To., 22 jier; Tsjeard D. Zylstra, Tw., 22 jier; Sytse G. Korfmaker. To., 24 jier; Herre W. Zylstra, To., 33 jier; Hindrik A. Iliemstra, To., 27 jier; Wibe R. Veldhüs, Tw., 26 jier; Bouwe P. de Jager, To., 22 jier; Joh. P. de Jager, To., 20 jier; Johannes Haarsma, Tw., 19 jier; Herre A. Zylstra, Tw., 28 jier; Herre I). Zylstra, Tw., 30 jier; Franke A. de Jong. To., 33 jier; C. P. Walma, To., 26 jier; Lolke W. Zylstra, Tw., 28 jier. Nou scille alle opneamde persoanen gjin ütrinners west hawwe, det scille wy wol mei elkoar iens wêze, mar nijsgjirrich is it dochs. Wibe Hj. Zylstra f 1937. In hiel bikende hirdrider hat yn letter tiden Wibe Hjerres Zylstra fen Tw. west, forstoarn yn 1937. Hy hat ü.o. ek de Fryske kleuren yn Hamboarch fordigene. * * * It is den ek as in fensels sprekkend ding to biskögjen, det it Twellegeaster folk der min oer kin, as hjar paed en reed troch in iisfornieler ünbigeanber makke wirdt. Twarris hat det ta in skerp konflikt oanlieding jown. De Martinboat stiennige 1889. De earste kear wier it op in Snein, de 8e Desimber 1889. Howol der op dit stuit noch ünderskeidene minsken libje, dy 't dit foarfal mei bilibbe hawwe, scil ik dochs de krantebirjuchten fen dy dagen mar for kar nimme. Yn it „Nieuw Advertentieblad" (letter Hepkema) fen 11 Desimber den, lést men it folgjende: „Sneek, 9 Dec. De Rotterdammer boot van Martin & Co. werd Zondagmiddag op haar reis naar hier, toen zij door de brug bij Uitwellingerga stoomde, met een hagelbui van groote keien begroet. Dreigende mannen en vrouwen met opgestroopte mouwen stonden aan den oever — wraak nemende op de onver- laten, die "t waagden hun schoone ijsbaan te vernielen. Kompas, ruiten, ja teveel 0111 te noemen werden door den steenregen vernield. De equipage trachtte zich te dekken in de kajuit. Een groote steen raakte de alarmfluit, waardoor deze totaal werd afgeslagen. De machinist achtte het toen noodig met een houten pin de opening te sluiten, doch werd, als hij zijn leven lief had, genoodzaakt, zijn oude schuilplaats weder op te zoeken. Toen de gemoederen een weinig tot bedaren kwamen, wist de kapitein in een bootje te landen, en zette direct koers naar Sneek om aldaar van 't gebeurde aangifte te doen. 's Avonds is hij, vergezeld van iemand uit Sneek, die van een ganzeroer voorzien was naar boord teruggekeerd en eerst 's nachts arriveerde de boot alhier." De Ljouwerter fen 13 Desimber skreau der hwet koarter oer, mar jowt noch de folgjende bisünderheden: „De machinist werd gewond. Het bombardeeren duurde voort tot bij Oppenhuizen, waar vrouwen met gouden kappen op, den mannen in hare boezelaar steenen aandroegen. Te Sneek werd door den kapitein de hulp der politie ingeroepen. Ongelukkig verwees men hem aldaar naar de Officier van Justitie te Leeuwarden, bij wien hij eerst den volgenden dag zijn beklag kon indienen." En fensels, de Justity gong oan 't wirk om de stiensmiters to straffen. Mar trochdet de Streeksters sa ticht wierne as potten, krige gjinien boete ef tichthüsstraf. Under it bombardemint moat it bard wêze, det in Snitser ek mei bigoun to stiennigjen ünder de ütrop: „Dit gaet leugen it kapitael; ik doen ok met!" Dit hearde in Streekster mei spierwyt hier en dy sei: „Wachtsje dou ris efkes, jonk je, ik scil dy himmelje mei dyn „teugen it kapitael" en hy seame him omraken öf. om 't er yn him in fijan fen Oranje seach. Letter joech de Snitser it oan en it waerd ündersocht. „Ik kan mij niet forgisse in 'e persoan," sei de Snitser, „hij het sneewit haer." De bidoelde persoan mei sniewyt hier krige oansizzing, der er by de boargemaster komme moast; mar hwet die dy dogeneat earst? Hy ferve syn hier, det it in liiele oare kleur krige. By de konfrontaesje moast de Snitser bikenne, dit wier fen gesicht deselde persoan, mar fen hier net, det hy wist it net fêst Ek de brêgedraeijer fen Tw.. de hear A. Dykstra, waerd yn party blêdden foarsteld as ien fen 'e oanstichters. Hy scoe n.1. party jonges opruid hawwe. Yn in ynstjürd stik fen 13 Desimber yn 'e Ljouwerter komt er der tsjin op en seit ü.o.: Toen toch de stoomboot door de brug voer, ried ik den kapitein aan, niet verder te varen daar door de vernieling van de ijsbaan aanleiding kon ontstaan tot minder aangename tooneelen. Het was mij n.1. bekend, dat vooral de bewoners van het Zuidend van Uitwellingerga bij vriezend weer er groot belang bij hebben, dat zij van uit hun gehucht over sterk ijs Uitwellingerga kunnen bereiken en dat dus, wanneer de doorvarende stoomboot het ijs, dat bijna de voldoende dikte bezat, brak. dit voor die lieden een groote teleurstelling zou zijn. Jammer is het, m.i. dat de kapitein der stoomboot den goeden raad hem door mij gegeven, in den wind sloeg. Veel kwaads ware anders voorkomen. Mij dunkt, M. de R.! dat Uwe lezers mij na deze verklaring allerminst kunnen verdenken van tot die treurige zaak aanleiding te hebben gegeven " It twadde konïlikt, 80 Des. 1982. It twadde konflikt troch iisbrekken üntstie yn 'e winter fen 1932, de Snjeons loar Krysttiid. In greate keppel Streeksters en Südeinsters rounen gear en lie¬ ten troch lüd en gebearte witte, det it hjar net like folie wier, eft de motorboat der troch gyng ef net. len pelysje koe it lang net öf. Assistinsje fen maresjaussé en fjildwacht waerd frege en ek de boargemaster fen Wymbritseradiel kaem yn eigen persoan op 'e reboelje ta. Lokkich kaem it net ta dieden. De boat koe syn wegen gean. De Bonke fen Toppenhuzen. Fortroud mei it wetter, hjar trjeon en tagelyk hjar fijan, binne de Toppenhüsters en Twellegeasters ek. Troch alle tiden hinne hawwe dêr béste skippers sitten. Men forhellet, det yn alde tiden Toppenhüster skippers, fiere reizen nei East- en Wite sé makken en der gans jild fortsjinnen. Ien fen hjarren bat ris as in oantinken üt Archangel wei in stik fen in rêchbonke meinommen, nei 't men sei fen in foarwraldske mammoet. Tiden en tiden hat dizze bonke as in erfstik yn 'e famylje west, mar op 't lést is er yn 'e groun bilanne en om 1800 hinne by it litgraven fen 'e founeminten fen ien fen 'e aldste huzen fen Twellegea wer foar 't Ijocht kommen. Party sizze, det er earst in skoft op it oargel fen 'e Toppenhüster tsjerke lein hat. In birjucht yn 'e Snitser krante, yn it bisit fen 'e hear de Vries, ald-fjildwachter, sündcr mannichste lykwols, seit, det er to sjen is by de hear W. R. Zylstra to Twellegea. Ek hat er lein by de ald-restauraesjehalder fen 'e 3e klas-wachtkeamer stasjon N.S. to Snits en det wol yn 'e léste tiid. Ik lit fensels de wierheit fen boppesteande feiten yn 't midden. It forhael is „sa ald as de bonke fen Toppenhuzen", sa 't in earder Frysk sprekwird wier en dos min to kontrolearjen. Mar it fortellen dochs wol wirdich. Twellegeasters rédde in skipper op 'e Mar ± 1821. Det de Twellegeasters ek mei boas waer hjarren op it wide wetter rédde koene, blykt üt it folgjende: De 3e Jannewaris fen it jier 1822 partet de grytman fen Utingeradiel yn 'e gritenij-gearkomste to Aldeboarn, nammens kening Willem I tsien gratifikaesjes om oan ynwenners fen Terherne en Twellegea. Hwerom? Omdet hja in Snitser skipper rédden hiene, hwaens skip op 'e Snitsermar forgien wier. De sylsport. Howol de sylsportskiednis feitliks yn in oar haedstik thns heart, wol ik yn for- ban mei hwet ik hjir boppe skreau, der dochs in pear opmerkingen oer meitsje. Hjir moast in laecb silers oplaet wirde, det minsterje koe tsjin it béste. Hwa scil fortelle fen dv hünderten, tüzenen boatsjes, preammen, skouwen, wyldsjitters, dy 't troch de ieuwen hinne hjir de minske tsjinne hawwe! Frachten gêrs, hea, dong, modder, reid, moal, molke, wvld, ja, hwet allegearre net, hawwe hja forsleept, forroeid, forsyld. En det net jimmer by moai waer, mar ek winterdei en hjerstmis, as de wvn sims sa boldert en beart. Hja hawwe der yl yn 'e knüsten fen krigen, dy boeren en fiskers fen 'e Streek. De iene foer nei de Sweagen, de oare nei de Reidskarren. Dizze hie in stik lan oan 'e Bloksleat, dy by it Divelsrak. Wraksele, wrotten hawwe se, en de neiteam draecht it stimpel der fen. De neiteam dy hat it makliker as hja. Dy hat mesines, bütenboarden, Fords. Waeit it al hird en is 't yn 'e wyn, wol nou, de seilen mar del en de Penta oan. Rjucht ta, rjucht oan is noch jimmer de koartste wei! As de boeren yn it fjild nei tsjerke ta ef op bisite by hjar famylje ef kinden geane, skouwe se de motorboat üt i) skiphüs en yn in sucht binne hja hwêr 't hja wêze wolle. Noch nea hat it sprekwird: ,,lt gemak tsjinnet de minske", fleuriger dagen biIibbe as hjoed-de-dei. Dochs binne der noch silers oerbleaun yn 'e Streek. De skouwen. De skouweklasse hat hjir bloeid. Yn gedachten sjuch ik se noch farren: de Reidhin, de deux Soeurs, de Fjouwer Broerren, de Anna. Allegearre binne se fen it wedstrijdterrein fordwoun. De broerren Zylstra en hjar heil Jan Lolkes hawwe mei de Fjouwer Broerren ytlike oerwinningen bihelle. Ek de Anna fen Jan Douma kaem der yn 't lést knap yn, mar sünt forline jier misse wy him op Mar en Brek. Op 't heden komme noch lit: de Foarüt ien U. G. de Jong op 'e Noardein. de Meerkol fen F. F. Atsma, Toppenhuzen en de Meeuw, in skou, dy't oarspronklik boppe Ljouwert wei komt, mar sünt in jier ef twa yn bisit fen 'e hear S. E. Dvkstra is en faken bistjürd wirdt fen W. Zylstra, ien fen 'e Fjouwer Broerrenbimanning. De Meerkol hat yn 1937 de kampioensmedalje fen 'e N.N.W.B. woun. yn 'e wedstriden, organisearre fen 'e pleatselike sylforiening Z.O.U. De Z-O.U. Hwet dizze letters bitsjutte? It binne de öfkoartings fen 'e wirden .Zeilver. Oppenhuizen—Uitwellingerga." Ik leau, det der foar de Z.O.U. noch wol ris in oare sylforiening west hat. Faeks witte de lêzers der mear fen. Yn 1924, de 4e Augustus is dizze yn alle gefallen oprjuchte. Ik skreau hjirboppe: ,,De skouweklasse hat hjir bloeid." Ja, sa is it spitigernöch. Der komme iderkear minder fen. De „Gêrsskou" fen Germ Ates Atsma dy 't yn 't earst frij geregeld ütkaem en in slachje greater wier as dy fen 4.75 X 1.52 M., is ek fordwoun, d.w.s. fen it wedstriidterrein. De minsken tinke der sa 't liket net mear oer, in echt Frysk klasseskip oan to tugen. Nammers, it is sa, de kvlboatsjes binne makliker. En ,.it gemak tsjinnet de minske." Faeks kinne dizze wirden de silers der noch ta oantrünje, to bisiikjen it skip fen üs foaralden to bihalden. De Streek is it lan fen 'e skouwen, forjit det net! Wetterwegen ïen minskeiu' hunnen makke. Bisjucht men de kaert fen dit gea, den moat yen wol opfalle, det nést troch de natür üntstiene, ek forskate wetters de minskehan forriede. Nim b.g. de Broersleat, de Douwesleat, de Jarichsleat ris. (Wy neamden dizze trije fearten al earder vn 'e folkssêge fen 'e trije reuzen). Hja binne groeven 0111 koartere forbinings mei oare plakken ef eigen lan to ioarmjen en ek 0111 it fean, det yn alde liden yn East- en Westpolder ofgroeven ef leike waerd, to forfieren. For it earste doel tsjinne b.g. de Broersleat, in flugge forbining fen 'e Noardein mei Brekken en sa fierder mei de Ryp, en 'e Hommerts. De alde Tsjerksleat, dy 't nou al öfdamme ef tichtwoechsen is, wier foar 1700 in treflike wetterwei fen 'e Toppenhüster tsjerke mei deselde doarpen as ik boppe by de Broersleat neamde. ' Fearten for ïorfier fen turf. Foar de Jarichsleat oer, leit de Leijesleat, dy 't ütkomt yn 'e Leijepoel. Eartiids hjitte er fen Atesleat, mar dy namme seit üs net folie. Leijesleat *) en Leijepoel lykwols omstomear. Il wird Leije ommers haldt yn, det der eartiids in poel ef in leech stik lan laei, det ütfeante is. Der binne mear nammen fen eartiids, dy 't mei dit bidriuw gearhingje. Sa hjitte *) Det de L e ij e s 1 e a t syn namme tanket oan de famylje van der Ley, om 't hja der gans lan oan lizzen hiene, is in gefaerlike öflieding en net histoarysk oan to toanen. de tsjintwirdige Langstirtepoel by aids (wy fine dy namme yn it „Register van Aanbreng" fen 1511) de Leijen. De Leijepoel bisüdwesten Twellegea, (yn 1700 noch Groote Leijen neamd) en de Kleyne en de Groote Leijen fen 1700 (hwêr 't nou noch allinne de Groote Leijen ef tsj. Douwepoel fen oer is) wize derop, det it wird Leijen earder in soartnamme as in eigen namme is. Eltse Toppenhüster en Twellegeaster is it bikend, det twisken Jouster feartsje. Dolt, Frijgêrzen en Goezzekop in krite lan leit, dy 't de namme Longerskar draecht en det der yn in sompich part foarkomt mei lange, smelle ekers en slodzen dêr mank, ünder de namme fen de Graverij. Hjir en dêr binne de wallen opset mei lange turf, dy 't by 't heakkeljen sims foar 't ljocht komme. Wer in biwiis, det der by aids mannich wetterwei for forfier fen 'e turf groeven is De wetterwegen geane efterüt. Oer 't gehiel rekkene, geane de wetterwegen der net op foarüt. Hwet is b.g. oerbleaun fen in farwetter as de Broersleat sünt der in fêste trambrêge yn lein is? It selde lot ündergyngen Jarichsleat en net to forjitten, de Hoarse, dêr 't noch wol hwet skipfeart is, mar neat forge- like by eartiids. Do koene de skippers altiid hast wol in feart fine, det hja sile koene. Stadich mar wis lykwols forkringt de droege wei de wiete. De Tramdyk. In greate foroaring barde, do 't yn 1886 de tramdyk fen Snits nei de Jouwer lein waerd. Dy liet Toppenhuzen noch in ein bi-easten lizze, mar op it uterste eintsje fen Twellegea roun er efkes oan. Dochs hawwe de Streeksters der troch de tiden ridlik goed gebrük fen makke. lt Wetterskip Toppenhuzen e.o., (Offisjeel Oppenhuizen c.a.), ütsteld oan 'e Prov. Steaten yn 1912, hat in opperflakte fen 1270 H.A. Syn doel is it regeljen fen 'e wetterhichte en it bifoarderjen len de fargelegenheit. De grinzen binne: Houkesleat. Jouster feart, Goezzekop en Frijgêrzen, Langstirtepoel, Jurjensleat, Hoarse, Stobberak, Fetsehol, Langwarder feart, Aldhóf, 't Nau fen 'e Brekken, Wite Brekken, Waldfeart, stêd Snits. It tal mounlen, det de lansdouwe sierde, is dêrtroch gans lytser wirden en de wynmotorren hawwe it der net moaijer op makke. Oer de Hoarse, dêr t ek noch boeren wen je, dy't alhiel op Twellegea oan- wiisd binne, mar administratyf ünder Boarnswaech hearre, leit it gebiet fen 't wetterskip de Forbining (de Verbinding). HAEDSTIK IV. De tsjerkeskiednis fen Toppenhuzen en Twellegea. It is al faker as ienris sein, det de skiednis fen lis Fryske doarpen meastepart fsjericeskiednis is. Yn syn algemienens lykwols is dizze ütspraek oerdreaun: hwet men üt oarkinden, boaijemfynsten, plaknammen en sa foart hinne net oan skiednis helje kin, is net gau op to neamen. Ek yn dizze oanteikeningen docht it wer bliken. Mar det nimt net wei, de tsjerkeskiednis bliuwt in foarnaem ünderdiel. Syn bigjin leit yn 'e heidenske tiid, do 't it folk yn dit gea de natürkrêften foreare. Fen dy tiid witte wy neat öf, likemin as fen de kerstening en de earste ieuwen fen it Kristendom. Hawwe de müntsen, lyk as yn oare doarpen üt Wymbritseradiel, ek meiholpen yn 'e striid tsjin it wetter? Yetris, wy witte it net. To Toppenhuzen hat g.jin kleaster stien. In party miene, det to Toppenhuzen in kleaster stien hat, op 'e Noardein, tsjin 'e Broersleat oan. It moast den wêze op 'e pölle, dy 't nou biset is mei in f jouwerkant huzen, oan 'e Westkant fen 'e dyk en bisuden de feart (Broersleat). Op somlike kaerten (b.g. dy fen Eekhoff's Atlas fen pl.m. 1850) lést men der by de namme „het Klooster". Is dit in biwiis, det der by aids in konvint stien hat? De foarstanners bringe ek de namme Broersleat yn 'e pleit; men neamde de müntsen ommers broer ren1? Wy leauwe lykwols, det dizze biwizen to swak binne, om it eardere bistean fen in kleaster op det sté oan to nimmen en wol om de folgjende reden: le. De namme it Kleaster fvnt men yn in hiele bulte doarpen en ek wol stêdden, dêr 't nea sa 'n bouwirk stien hat. Ho't se den oan 'e namme kamen? Wol, de yndieling ef it foarkommen fen it blok huzen joech de skyn, as wier it sa'n gebou. It blok huzen to To. biantwirdet der ek oan. 2e. De namme Broersleat is moai wis öflaet fen 'e manljue's namme Broer, dy 't wy ü.o. fine yn 'e famylje Bonninga. 3e. It blykt net, det der greate kleasterbisittings to T. lein hawwe en alhielendal net, det der oan 'e Broersleat kleasterlannen leine, hwTet dochs sikerwier wol it gefal wêze moatten hie, om 't De Greattsjerke fen Toppenhuzen Klisjé Leeuw. Nwsbld. it s.11. Corpus, foart by it stift plichte to lizzen. Wy scille aensen sjen, hofolle pounsmiet lan fen kleasters üt 'e omkri(en dêr yn 'e 16e ieu laei. Patroan fen Toppenhuzen en Twellegea. Do "t de tsjerken stifte waerden, krige elts syn eigen patroan ef biskermhillige, Toppenhuzen sines wier St. Johannes de Doper, wylst dy fen Twellegea is St. Harmen Marten (det léste wird in forskriuwing for martvri, d.i. de martelaers?). Forskillende dekenaten. Hiel eigenaerdich is it, det To. en Tw. net ünder it selde dekenaet leine. De dekenaetsyndieling datearret faeks al fen 'e 13e ieu en miskien hawwe geografyske en geologyske grinzen, dy 't nou net mear as sadanich jilde, ef ünbikend binne, der in wirdke yn meipraet. Sa hearde To., yn 'e 16e ieu alteast, ünder Nederwugenbrug ef Snits en Tw. ünder Oppenwagenbrug (it alde dekenaet de Silvu ef de Walden). Is de Hoyte Wala faeks ek ien fen dy grinzen? Yn 'e Midsieuwen hie elts Frysk doarp syn eigen pastoar en syn eigen tsjerke, fakentiids noch forsterke mei in fikarius ef helpgeastlike. Toppenhuzen en Twellegea wierne beide selsstannige parochys, elts mei twa geastliken. It folk fen Twellegea mocht syn eigen pastoar kieze, mar det fen Toppenhuzen krige sines fen it kleaster St. Jan ef Hospitael, by Snits. tastjürd. It wier in münts üt det stift, det ünder de oarder fen 'e Hospitaeli idders libbe. Honear dy regeling yngien is, witte wy net, mar fêst net earder as yn it lést fen 'e 13e ieu, ommers, pas yn 'e léste helt is St. Jan oprjuchte. Fordieling fen dit haedstik. Foardet wy lykwols de skiednis fen 'e tsjerke yn beide doarpen forfetsje, liket it üs gaedlik dy earst to fordielen yn 'e folgjende stikken: A. De skiednis fen 'e tsjerke do 't er noch Roomsk wier (dos oan 1580 ta). B. De skiednis nei det jier. do 't er Protestansk wier en bleau ont hjoed de dei. For in noch düdliker oersjuch lykwols 1'ordiele wy A. yn 'e folgjende ünderdielen: 1. de parochy; 2. de pastoar; 3. de tsjerke (it gebou); 4. it tsjerklike goed. Dizze selde underskieding kin mei foroaring fen de twa earste wilden yn gemeinte en dümny ek for öfdieling B trochfierd wirde. Al. De Parochy. Dy waerd foarme troch it doarp en syn biwenners, de parochianen. Under hjarren moast de pastoar arbeidzje, mei itjinge him tabitroud wier. By berte en dea, by wille en smert, oeral forskynde Hear en den folge de foarnamme. Ticht, o, sa ticht stie de parochy by syn i'oargonger. Och, seis hiene hja ek net folie omslach. It wierne ienfaldige boeren, dy ridlik frij der hinne libben. Yn it haedstik oer de soasiael-ekonomyske skiednis scil it bliken dwaen, det de parochy gjin hearegroun, gjin kleastergroun, noch tsjerkegroun wier. Beide doarpen wierne mar lyts. Yn 1511 stiene der to Twellegea HO en to Toppenhuzen 25 huzen. En dochs moasten de biwenners der1'en mei soargje, det hjar foargongers oan 'e kost kamen. It al folie faker neamde Register fen 1511 en de Benefisiaelboeken fen 1543 jowe der aerdige bisïinderheden fen. 2. De pastoar en «Ie fikariussen ten To. As der yn dy dagen skreaun wirde moat, den krijt de pastoar el' in oare geastlike dy opdracht. De Hartoch fen Saksen jowt bifel, det alle lannen, lizzende by de doarpen, biskreaun wirde moatte, om 't er derneffens in bilêsting ynfiere wol (de lettere floreenbilêsting). Yn det jier stie to Toppenhuzen as pastoar Johannes van Doesburg. Hy barde de hier fen 85 p.m. lan, noch formeardere mei 9 >4 stür yn 't jier fen alle pleatsen („saten"). Fierders noch „bollen en tijden". Hear Wopke, fikarius ef helppreester moast fen de ynkomsten fen 48 p.m. lan, en dy fen de st. per pleats en „bollen en tijden" libje. 1543. Yn 1543 is Obbe Sytthies pastoar. Hy wier, sa stiet der sa düdlik by yn it Benefisiaelboek „vuyt der Oorden van Conuente van Hospitael". Der binne, sa 't liket Syi p.m. sünt 1511 by kommen, mar men wirdt kjel, ho 'n bytsje hier as it lan hjir do die. Ien fen 'e hierders, Heere (nou Hjerre) Hillessoan brükte 31 p.m., mar brocht der mar 7 goudgounen ef ƒ 9.80 for. In oaren ien. Pier Jans, brükt de oare 57/4 p.m. for 14 goudgounen = ƒ 19.60 yn üs jild. Lit it den net bést lan wêze (wy komme der by de tsjerke-eigendommen op werom), jild yn it laedtsje brocht it hyn-efte-nei-net. *) Under dizze mannen en dy fen Tw. is in skat fen nammen opgarre, dy 't in stüdzje apart wirdich is. Hwet in skoan biwiis, det dizze hearen net boppe it folk stiene, mar der nést. 1554. De Ynkwisity to To- Hokfor pastoar it west hat, Obbe Sytthies ef Syrck Diorris (Diorre soon) dy 't ik yn 1566 oantref, it docht der net ta, mar 0111 it jier 1554 hinne is der ien mei de „nije leare" bismet. To. lei isolearre, mar dochs kamen de boeken mei it nije ynsjuch yn 'e pastorij. Fen 9 April oant 15 Oktober 1554 diene ynkwisiteurs in ündersikingstocht troch Fryslan en hja kamen ek to Toppenhuzen. Yn Harns hiene hja al immen oppakke litten en to Kollum twa frouljue. In anabaptist fen sauntich jier, nei 't it üs foarkomt üt 'e omkrite fen To., waerd hjarren yn hannen spile, wylst 't hja by de Toppenhüster pastoar de boeken ynventarisearren (hwet faeks in oare ütdrukking is for: ündersochten!) *) „Oudheden en Gestichten" jowt op, det de To.er pastoar boppedet noch 10U goudgounen en de fikarius 70 krige. Det giet dos noch wol for dy dagen. To Twizel namen hja in mem mei hjar dochter finzen. Ek de geastliken waerden net sparre, as der mar in lyts rook je oan evangeeljeforkindiging ef sakramintebitsjinning to fornimmen wier. Fjouwer preesters üt Fryslan waerden troch Sonnius (de ketterjager by ütstek) en syn maten yn 'e boeijens set, n.1. dy fen Hantum, Brantgum en 'e fikarius to Grou, mei boppedet ien üt Hollan. Mar hja toanden birou en kamen mei in lichte straf frij. Al earder wierne efter de doarren set de preester en helppreester fen Driesum, deselden fen 'e Geast, de helppreester fen Hantum, de preester fen Toppenhuzen, de helppreester fen Nes, en hear Joh. Gereonis, praebendarius to Ljouwert. Hja toanden allegearre hjar skild oan üt hjar eigen tsjügenissen, skriuwt Sonnius yn it forslach fen de reis. De straf for fjouwer fen hjarren, ünder hwa ek de pastoar fen Toppenhuzen wier, bistie hjir üt: Hja moasten trije jier nei Leuven, de Roomske Universiteit fen dy dagen, 0111 dêr yetris de H. Roomske Godgeleardheit to bistudearjen. De helppreester fen Driesum wegere de straf to ündergean en flechte. Yn it selskip fen 'e Hantumer pastoar en de Nesser fikarius folge de Toppenhtister preester de optwongen kolleezjes. De Herfoarming to To. 1580. De léste pastoar fen To. wier Sierk Djurres (yn 1580 as Sierck Dyorrezn skreaun). Hy makket de greate foroaring mei, dy t HERFOARMING hjit. Ut alde rekkenboeken fen 'e tsjerkfadijen yn Wymbritseradiel, ek wol Register fen Geastlike Opkomsten neamd en yn origineel oanwêzich yn it archyf fen 'e gritenij Wymbritseradiel, kin men mank de hünderten droege opsommings fen getallen nou en den ris nijsgjirrige dingen fine, dy 't dy gruweldige tiid fen spanning ophelderje. Sa léze wy b.g. det de administrateurs fen it isjerkebisit ien goudgoune en 24 stüren bitelje moatte oan Jan van Groningen, „ten tyden sergeant", omdet er de bylden üt 'e To.er tsjerke forbarnd hie. Krekt as hiene de administrateurs det seis net dwaen kinnen! Hja sette der den ek by: ,,'t welcke hy haer heeft affgedrongen" ef mei oare wirden: de sergeant hat it üs öftwongen. Hottje Dirks hellet de alters der üt. Ho 't de Toppenhüsters op dit barren rëagearre hawwe, wy witte it net. Mar de pastoar bliuwe hja genegen. Dy mei it lan fen 'e pastorij frij biboerkje en for- tsjinnet der noch hwet by, troch op it ürwirk to passen en de klok to lieden. Wy sjugge wol, det it gjin byldestoarm waerd en de pastoar ütband. In frjemde soldaet, bigien op büt en jild forbarnt de bylden! De rol fen pastoar en parochianen is frij passyf. Twellegea en syn geastliken yn 1511 en 1543. Twellegea's earste pastoar, my bikend, hjit fen Johannes van Graes. Hy hat 1852 p.m. lan ünder syn parochy en dy biskreaun yn it Register fen 1511. Syn ynkomsten bidroegen 120 goudgounen, en dêrby de hier fen 65 p.m. lan. Under him stie de Fikarius, hear Gysbert neamd, dy 't libje moast fen 43 p.m. en 47 goudgounen salaris. De Pastoaralia fen 1543 waerden biheard fen hear Buwe Corneliï (Frysker is Rouwe Knealis). Dit skynt in goed minske west to hawwen, hwent as er seit, det 20 p.m. fen syn bisit einliks folie mear hier dwaen moast, docht hy der oan ta: „maer ik zye (= sjuch) aen den schamele (earme) Huyrluyden ende (om de?) den daegelycxen cost thoe kryghen in den warlt, (wrald) ende zye hebben oech min gholden" (hawwe ek net folie jild). Sa 'n harder strüpt syn skiepkes net, raar de hiele keppel moat sljucht mei him wêze! Hear Dirck, de helppreester, biskriuwt yn 't Benefisiaelboek syn eigen lannen, nou mei elkoar 47 p.m. Fiif en tritich derfen docht 12 g.g. ef j 16.40 hier. De forhalding twisken him en syn skiepkes is fêst sa goed net as twisken dy fen syn haes. Hear Dirk klaget tonhnsten, det lang net alle rinten opbrocht wirde, dy 't him oars for in part takomme. Hv seit, de tsjerkfaden ef de geraeinte hawwe in boek ef in brief weibrocht (weimoezze, bidoeld er), ef wolle it net jaen. En dêr stiet krekt de kwesje fen 'e rinten yn. Fêste jierlikse ynkomsten binne for de fikarius ek: fen elts hüs (± 30) in stür. , van offer ende van tvden ende l)eloopt omtrent 4 golden floreenen". Foar hear Dirk stie hear Sybrant as helppreester to Tw. Syn namme komt foar vn 1535. I)«' léste pastoar Bern. Veltsma. Lettere pastoars fen Tw. wierne Pieter van Tongerlo (1558); Joachimus el Jochum soon, (1573) en Bernardus Veltsma. Yn in hanskrift stie der by: „Conventualis". Det wol sizze kleasterling. Ut dizze taheakke scoe men opmeitsje, det dizze Twellegeaster pastoar ek wol ris üt it kleaster Hospitael bv Snits komme koe. Ho den ek, hear Bernardus Veltsma makket de Herfoarming mei. Hy moat öfgean, en rekket syn ampt kwyt. De ynwenners fen Tw. wierne him net Ongenegen, det docht düdlik bliken üt in oanteikening, foarkommende yn it register fen geastlike opkomsten yn Wymbritseradiel. Roel Hoytes en Cornelis Douwes wierne do administrateurs oer de tsjerkeeigendommen en yn hjar rekkenboek skriuwe hja ü.o. de folgjende post op: „Item, soe zyn die volmachten mit „Bernardus hun geweesene pastoir „veraccordert luyt (neffens) de reso,,lutie waer by zij de selve beloeft (ünt„hjitten) hebben [om vrindtlicke. „(= frjeonlik) metten (mei de) selven „te scheyden] de summa van 't ses„tich golden gulden eens ende die te „betalen op tuije (twa) terminen, dee„ne helft in maio (= maeije) in den „Jaere een ende tachtich sulcx dat die „administrateurs dierhalven aen den „selven pastoir betaeld hebben 30 g.g Ut in oare post docht bliken, det de öfspraek mei de pastoar, dy 't moai wis net oergean woe nei de (irifformearde tsjerke, makke waerd yn 'e herberch. Hy krige dos 60 X ƒ 1.40 = ƒ 84 mei as skeaforgoeding en moast him fierder seis rédde! Ek üt dizze oanteikeningen blykt, det de Twellegeasters de greate ommekear frij kalm ündergyngen. Prebendes. As de Roomsk-Katholike godstsjinst forbean wirdt, moatte de prebende's fen To. en Tw. (beide bipaeld oprjuchte nei 1543 en yn 1580 resp. biset fen Mr. Agge Sierx en Ulcke Rinkes) öfstien wirde. Ut de ynkomsten fen in prebende mocht b.g. in takomstich preester leare; men neamde sa 'n persoan in prebendarius. :i. Jt tsjerkegebou yn Itoomske tiden. Yn beide doarpen hat in tsjerke mei in stompe toer stien. Oars, folie witte wy net, ho ?t it dellen binnen ütsjoen hat. Fensels, der stiene bylden en alters yn, wy seagen it al do 't wy oer 'e Herfoarming to To. praetten. It ünderhald fen dy tsjerken waerd bikostige üt de hier fen 'e patroanslannen en üt rinten. For de searemonijen waerd in soad gebrük makke fen kjersen en sa fine wy, det de hier fen twa pounsmiet patroanslan fen To. de „wasbrand in die heilige kercke" le- vere. Ek to Tw. is in stikje lan fen ien p.m., yn eigendom by in partikulier, det jiers oardel poun waeks for de tsjerke, en den wol binammen for it byld fen 'e Hillige Anna leverje moat. 4. Jt tsjerkegoed yn Kouniske tiden. Hjirby rekkenje wy de patroanslannen (patroanalia), pastoarslannen (pastoaralia), fikariuslannen (fikaralia). Ut it Register fen 1511 en it Benefisiaelboek is nei hwet gesifer frij maklik in steatsje op to meitsjen. De tsjerklike bisittings foar de Reformaesje to Toppenhuzen. Alderearst geane wy nei, ho 't it foar de Reformaesje yn To. gesteld wier. Yn 1511 hearde by de pastorij 85 p.m. lan, by de fikarij 48 en by de patromi 79 p.m. Yn 1543 makket de pastoor Obbe Sytthies, mei syn tsjerkfaden, de hearen Goffe Piers Bonninga a Sjaerda, hearskip, Lou Egles en Ypke Fertes *) de lysl fen tsjerklike bisittings (benefisiala) op en hja bitsjügje, det hja it „alle nae onse beste verstandt, als gehoorsaeme Ondersaeten" biskreaun hawwe. *) De beide lesten scille wol einierde boeren west hawwe. Hear Obbe „vuyt der Oorden van Conuente van Hospitael" syn lan leit for in diel oan 'e Westkant fen 'e Kerckdyk, stiet der; hwet for dyk det is, doare wy net ütmeitsje. Faeks it tsjerkepaed. Yn 't gehiel leit der 88% p.m. lan by, det is 3% p.m. mear as yn 1511. Bést lan scil it net west hawwe, hwent men lést gauris wirden en ütdrukkings lyk as „gebroocken landt," „haenlandt", „gebroocken stucken ende stollen" „gebroocken leechlandt". De Fikcirij forhiert 49% en de pcitroan 74%. De tsjerklike bisittings foar de refofmaesje to Twellegea. Twellegea bisit yn 1511 oan pastoaralia 65 p.m., fikaralia 43, patroanalia 24%. De pastoar hat der boppedet rjucht op, det in einierde boer jierliks 3 „roggenbroeden" en 3 „stucke botters" oan him jowt. Yn 1543 hat Vuytwallingergae, om to bigjinnen 17% p.m. patroansldn. Op Pinkstermoandei waerden hja forhierd. Hja leine op 'e Geau'swdl (eastkant) yn 'e grecite Bearten („Betue") en op 'e Doltswal. De namme Hinxteholle, dy t ek yn dit forban foarkomt, is tsjintwirdich noch wol bikend ünder 'e namme fen Hyngstekop (Seksje A, no. 184, gem. To.). ' Pastoarylan is der 59% p.m. Opmerklik is de mear as ienkear herhelle meidieling, det it wetter safolle p.m. dêr öf slein hat en det yn 32 jier. Sa is in stik fen 16 p.m. nou mar 15, 6 is 5 wirden ensf. It measte part fen dizze lannen forhiert de pastoar, mar in stik fen 5 p.m., foart by de pastoary, oan 'e eastkant lizzend, brükt er seis. Fikaralia binne der 47 p.m. Der hearde ek 18 p.m, by yn „Buwa Eth landen" stiet der. Wy sizze tsjintwirdich fen Bouwe-eartldnnen en witte det hja mei de noardein oan 't Aldhöf lizze. Do hjitte it wetter binoarden de Bouwe-eartlannen (dos op it plak, dêr 't op 't heden it Aldhöf is) „Kerckegaw" = Tsjerkegeau. Al is den de léste namme ek forlern gien, wy binne der dochs bliid om, det er yn it Benefisiaelboek opskreaun stiet, om 't wy dêrtroch in biwiis tomear yn hannen krije, det hjir in tsjerkedoarp lein hat. „Mar," seit hear Dirk, de fikarius, „ik leau der neat fen det der 18 p.m. is. Wy kinne der gerêst 5 p.m. öfdwaen. Yn 1511 hawwe üs öffaers mar sa rejael west „op dat zij zoo veel te lieuer een Priester mochten kijesen!" Né, tofreden kin hear Dirk net oer syn skiepkes wêze, wy seagen it al earder. De minske wier do ek al ündogensk, det docht bliken. Kieasterlan So To. yn 1511. Rekkent men ek de kleasters hjar bisit ünder it gebiet fen 'e tsjerke, den heart it folgjende opneamd to wirden: ünder Toppenhuzen leine lannen fen it kleaster „Aijlsum" by Aldskou mei 60 p.m.; fen 'e „Cruyssebroederen in Sneeck" mei 26;2 p.m.; fen „die susteren toe gronedick" mei 56 p.m.; fen de Karmeliters fen Drylst mei 7 p.m. Meiinoar 158^ p.m. fen 'e 1750, hwet delkomt op 9.06 %. Kleasterlan to Tw. yn 1511. To Twellegea bisiet „St. Jan toe Hospitael by Sneeck" 67 p.m., „Cruysse Eroderen in Sneeck" 9 p.m., „Thabor by Tirns" 14 p.m., „Joufferen van Nijecloester" (Skearnegoutum) 55>2 p.m, „Nazareth" by Idsegea 27 p.m. Meiinoar dos 172J/2 p.m. ef 9.31 %. Forgeliket men dizze prosinten mei dy fen oare plakken (b.g. Skearnegoutum mei 86 %) den is it wol düdlik, det de ekonomyske ynfloed fen 'e kleasters op To. en Tw. net bare great wier. It sprekt fensels, det de Herfoarming fen 1580 in üntsachlike foroaring brocht yn 'e tsjerke en alles, hwet yn dy dagen mei dy tsjerke gearhong. Eartiids wier it ynterieur forsierd mei bylden, skilderijen en alters. Nou waerden de mürren wite en allinne de sitplakken en preekstoel bleauwen oer. De pastoar moast öfgean ef dümny wirde. De kleasterlannen forfoelen oan 'e Steaten fen Fryslan, ek dy fen To. en Tw., meiinoar 36134 p.m. (ef 30 p.m. mear as yn 1511). Earst bitellen de Steaten üt de hier de salarissen en pinsioenen fen dümny's, skoalmasters en oan 'e kant sette preeslers en sisters. Mar letter krigen hja sa'n jildkrapte, det neigeraden alle goed forkocht wirde moast. Under de namme fen „Landschapslanden" kin men se noch fine yn 'e earste stimkohieren fen 'e 17e ieu. •ï* -i" * BI. De Grmt'intc nei de Herfoarming. Foar 1600. De gemeinte Kristi wier der foart nei de Herfoarming net to bést oan ta. De geastlike forsoarging krige foar 1580 wol syn gerak, om 't beide doarpen elts De Toppenhuster tsjerke yn 1723 twa harders hiene. Mar dêrnei moasten fiif doarpen, n.1. Skearnegoutum, Goaijingea, Loaijingea, Toppenhuzen en Twellegea, it to'n earsten mei ien dümny dwaen. Hwêr 't det fen kaem? Der wierne yn 't earst sa 'n bytsje dümnys. It gong nou ienkear net yn alle doarpen sa as to Skearnegoutum, dêr 't de pastoar, hear Tsjebbe Klaes, fen Roomsk, Protestantsk geastlike waerd, mei goedfinen fen svn gemeinte. In party pastoars flechten, oaren namen it jierjild fen 'e Steaten oan, tredden bleauwen yn it doarp en sochten oar wirk, wy seagen it léste by dy fen To. De dümny, dy 't fiif plakken krige to bipreekjen, hjit yn in skriftuer fen dy dagen „Petrum", moai wis mei de tanamme Ambrosius. For üs, 20-ieuwske ma minsken hat sa'n birop biswieren, om 't de plakken gans in ein ten elkoar óf lizze, mar tink yen den ris yn, ho 't it for lis öffaers west hat, tomear as men wit, ho 't it yn dy dagen mei it forkear stie. Elts doarp offere in som for it traktemint fen ds. Ambrosius. Dy fen To. en Tw. joegen ƒ 30.80 üt 'e kas fen 'e administraty (rekken 1581). De kombinaty fen beide doarpen ta ien gemeinte scil wol bard wêze yn in tiid, det der mear dümny's wieme, dos in pear jier nei de iepening fen 'e Frjentsjerter Akadeemje. Dêr foar hawwe hja noch forboun west mei de Jutryp, ünder in dümny Pier Jarichs. Fen in gemeinte dy 't master as dümny oanstelde. Yn 1614 ef dêr by om, stoar ds. Henricus Ludolphi, yn it tachtichste jier fen syn libben. Fensels moast der in nije foargonger biroppen wirde en de Snitser Klasjes forwachte det den ek. Lykwols, hja hearden frjemde dingen fen Toppenhuzen c.a. In skoalmaster, de feint fen 'e tsjerke, mei namme Gerrit Jansen, en wenjende to To. hie it wirk fen 'e forstoarne Ludolphi oernommen. In skoalmaster dümny? Mar det kin dochs net! Jawol, sizze de Toppenhüsters, hy preket as de béste! Mar hja rekkenje der net mei, det master gjin c/ümny's-oplieding hawil hat en forjitte, det de tsjerke sokke „studinlen" de preekstoel forbiedt. „It moat üt wêze mei dy prekerij", seit de Klasjes fen Snits. „Den mar in forsiikskrift der hinne, det wy lis eigen mantsje h;ïlde meije," sizze de Streeksters. Mar hear nou det andert ris en 't is ek noch wol fen 'e Fryske Sinoade, dy 't yn 1614 to Snits gearkaem: „Is op 't versoeck van Gerrit Jansen ende die gemeente van Oppenhuvsen ende Twellingerga van te hebben schriftelyke reden der classis, van dat hij niet was nae ondersoecken van de classe tot den dienst toegelaeten ende niewren examen van den synode ofte admissie totte bedieninge van de kercken in voerss. dorpen, is bij den broederen des classis ter contrarie verklaert de reden hem genoechsaem geopenbaert, sijnde sijn onbequaemheyt, begerende voerts, dat de gemeente wilde gelieven een dienaer te beroepen, verbiedende mede Gerrit Jansen de predikinge in syn huijs, schole ofte elders. Is geresolvert eendrachtelijk dat Gerrit Jansen hem sal gerust houden ende met des classis sententie tevreden, item dat hy hem sal onthouden vant prediken. Ende is voerts de gemeente aldaer vermaent geworden tot kiesinge van een ander dienaar." Sa 't liket, hat de gemeinte him bv dizze strange sententy dellein. Master moast de berntsjes mar leare en net mear de greate minsken. Hwet scil det in hird gelach for him west hawwe! Dizze stoarje jowt in aerdich byld fen 'e gemoedlikheit by de gemeinte, dy 't in ünbileard man taliet to preekjen yn hüs en skoalle. Pas yn 1619, dos fiif jier letter, krijt To. c.a. wer in dümny. De gemeinte waerd ek yn 'e tiden fen 'e republyk, oanfallen fen learen, dy "t fier fen hjarres öfwykten. Mei alle macht strieden de foargongers, de Klasjes en de Sinoaden der tsjin. De Mennisten bihearden ek ta dy fijannen. Yn 1622 klaget ien fen 'e öffirdigen op 'e Klasjes to Snits, oer „de grote stoutigheden der Mennonieten in 't oefenen van hare valsche lere, mitsgaders (op) hare listen en lagen in 't overlegden (= forlieden) van onze lidmaten off hare kinderen". Hy illustrearret syn sizzen mei in foarbyld: Der wier in Gereformearde lrou yn Toppenhuzen, dy 't mei hjar man oergean woe nei de Mennisten. De tsjerkerie hie der efter west, dó de Klasjes, en op 't lést de grytman, mar neat holp. Hja wier gien en de tsjerke moast hjar öfsnije. * * In alil hiropsbrief. De floreenplichtigen hiene by aids it stimrjucht, lyk as men wit. Hja mochten ek in dümny biroppe. Yn it gemeinte-archvf fen Wymbritseradiel foun ik in biropsbrief fen bigjin 1700, ornearre for kandidaet Augustinus Bauwerda. \Vy nimme it yn 'e bylagen op. De öfskieding. De öfskieding fen 1834 is To. en Tw. ek net sünder printen efter to litten, foarby gien. Der moatte inkelden lit 'e Herfoarme Tsjerke gien wêze en hjarren bijown hawwe ünder de nije gemeinte to Snits. It liberalisme sloech for master op en makke it de öfgeskeidenen neat net noflik. Horrejanen. De Horrejanen, neifolgers fen Joh. Horn, Baptistepreker to Snits, evangeli- searren hjir, krekt nei de tiid, det ds Krull (1853—'68) hjir stie. De gearkomsten barden yn 'e keamer fen Geart de Boer yn Toppenhuzen. Mar folie fet hie dizze biweging net op 'e gemeinte. De Dolcansje. Oars waerd it, do 't de Doleansje rounorn de hollen en herten gleon makke. Lang om let waerd der yn 'e Streek bv in party minsken de bigearte wekker in tsjerke to stiftsjen. Ds. P. N. Kruyswijk fen Snits laette to'n earsten de nije gemeinte, mar de 12e April 1893 koe er skriuwe yn it ,,Ger. Kerkblad", det ünder lieding fen 'e beide Grifformearde tsier- ken fen Snits „ ook hier de aloude Ger. Kerk weêr tot openbaring kwam, door de goede hand onzes Gods." Nei in preek fen ds. J. H. Landwehr oer Hanlingen 2 : 42 waerden ünder foarsitterskip fen ds. Kruyswijk twa alderlingen en twa diakens keazen. 26 manljue stimden mei, fen hwa somliken al by de Ofgeskeidenen to Snits hearden, oaren ünder tasicht west hiene fen 'e „Ned. Ger- Kerk" to Snits en ek gün foart foar de stimming forklearren, det hja brekke woene mei it „Synodaal Genootschap". Keazen waerden do S. Steenstra en F. Ds. Ploos van Amstel de Jong as alderlingen en G. Jongmans en W. Koopmans as diakens. Lykwols bleau de tilde tsjerklike gemeinte it greatst yn tal, en brocht de skieding gjin oerhearsking fen it modernisme lyk as op in party plakken. Wier To. foar ds. Krull noch modern, nei dy liid krijt noch mar ien dümny fen dy rjuchting in birop en stiet der in jier as trije. Den is it ek hielendal üt en giet it Herfoarme folk fen 'e Streek to preek by ortodokse predikanten yn konfessionele geast. It tal doop- en bilidende leden fen 'e Herfoarme tsjerke wier + 1840 650 (160 lidmaten). Yn 1937 bidroech it 900. De Grifformearde tsjerke hie yn 1906 300 doop- en bilidende leden, hwet sahwet delkomt op 25 % fen it totale ynwennerstal fen 'e Streek. Yn 1937 hiene hja fen 1300 ynwenners 315 doop- en bilidende leden (by hwa 163 bilidende). 2. I)o dümny's. It giet net oan en bihannelje alle dümny's hjar libbensrin yn dit haedstik. Dêrom doch ik hjir en dêr in greep, yn tiidsoarder foarütgeande. Efter yn 'e bylagen lykwols fynt men de folsleine list. De earste den is Petrus Ambrosius, lyk as wy seagen en de twadde scil wol Pier Jarichs west hawwe. De tredde wier...... ja, dêr sit ik al! Faeks wier it: ds. Ludolphi. Yn 1599 léze wy for it earst fen him. Fierders is hy as skriuwer fen in geskrift tsjin 'e Wederdopers bikend, mar de ynhald dêr fen wier de Klasjes sa min nei 't sin („ünweardich en ünstichtlik") det hja it ütjaen forbeaën. Oars is dizze dümny in treflik foarbyld fen safolle Fryske dümny's, dy 't de pinne namen, as ien ef oare ketterske learing forkindige waerd yn binne- ef bütelan. Yn it 80ste jier fen syn libben forstoar er en nei him krijt it gefal mei de skoalmaster syn bislach. Pas fiif jier letter wirdt ds. Mart. Overney Johssoan, lit in bikend dümny's laech, bifestige. Det de drank by aids yn Fryslan in greate rol spile hat, is algemien bikend. It misbrük, det der fen makke waerd yn 'e 17e, 18e en 19e ieu, wier bi-eangstigjend. It gewoane folk, skoalmasters (wy scille ünder de skoalskiednis der in foarbyld fen oanhelje!) gyngen der hjar oan to büten, mar wy wilde noch mear kjel, as ek in dümny der him oan bikweadiget. ds. Wibrcindus Nijkerk, dy 't yn 1684 fen Westflielan kommen wier, stiet de 16e Septimber 1690 foar de Klassikale rjuchtbank to Snits. Nést him stiet ds. G. Duinterp fen 'e Jutryp. Beide wirde biskildige fen „overstallige dronkenschap" en hwet der it gefolch fen wier. De Twcllegeaster tsjerke yn 172"2 De 7e Juny en de 3e July 1701 wirde hja wer ta forantwirding roppen, nou mei twa Snitser dümny's.... Hy wirdt yn 1707 öfset, nei ek al mei de wraldske r juchter yn oanreitsing west to hawwen. Ds. Nijkerk syn opfolger: ds. Rauwerda (1708—1784) is net folie better. Hy wirdt troch de Klasjes op 1 Oktober oanskreaun for hjar to forskinen, tagelyk mei ds. J. Frochet fen e Ryp, al wer om itselde kwea. üizze harder koe mei party fen syn skiepkes min oer 'e wei. De 5e Septimber 1730 klaget er by de Klasjes, det in Marten Piters (hy hearde net ta syn frjeonen ) syn bern fen likernöch seis moanne noch net ta de dope halden hie. Marten hie 't al by in oare dümny bisocht, mar dy wier solidair mei syn kollega. En dochs joecb Marten gjin bilies. In oare man hold it harterke ta de dope. Dümny seis wegere ek al ris in bern to dopen. Hindrik Hindriks fen Toppenhuzen, syn heit, wier de oarsaek. Hindrik hie ds. n.1. swier biledige, troch to sizzen, det dümny „onweerdig" wier it nachtmiel üt to rikken, fenwegen syn „kwaad en enorm leven en wandel, zich blijkbaar stellende in lichtvaardigheid en losheyt in spreken met menigvuldige vloeken verselt." Evert Wigles, lidmaet to To., sei rare wirden tsjin ds. Rauwerda nei oanlieding fen in preek oer Matthaëus 16 : 18, mar as dümny der him oer biklaget by de Klasjes en Evert foar de earwirde hearen forskine moat, bikent er üngelyk. Lokkich steane der ek oare sieleharders foaroer. Ik neam b.g. ds. Hetto Reinalda (1741—1762). Hy wier in man fen 'e studearkeamer. As blyk fen syn stüdzjesin mei tsjinje de list fen dümny's üt 'e Klasjes Snits sünt de Herfoarming dy 't er yn 1751 ütjoech. Op it titelblêd fen dit boekje lést men it folgjende: NAAMREGISTER DER PREDIKANTEN Dewelke zedert de Reformatie den dienst onder het Resort van de Classis van Sneek hebben waargenomen. Opgesteld! en by een vergadert door Hetto Reinalda, Bedienaar des Godlyken Woords te T'Oppenhuisen <& c. te Leeuwarden Gedrukt by Pieter Koumans 1751. In oare dümny fen To. c.a.: ds. L. Suringar (1792—'96) is letter heechlearaer yn 'e godgeleardens en tsjerkeskiednis to Lingen wirden (1796). Letter (1815) stie er as profester to Leijen. Hy bleau lykwols ek dümny. 't Fait yen wol op, de dümny's fen dy tiden bleauwen mar koart yn 'e Streek. Men moat de jiertallen efter de dümny'slist der mar ris op nei sjen. Wol hiel tragysk wier de komste fen ds. Gerrit van Oppenhuis (1807). Hy wier berne to Snits en as kandidaet de 11e Oktober bifestige. Pas 14 dagen letter koe er syn yntrérede biilde, om 't er net goed wirden wier. 16 Desimber is er al stoarn, ald 23 jier, neffens de grêfstien yn 'e tsjerke. Ho 't yn dizze snürje de rjuchting fen foargongers wier, wit ik net, mar wol, det hja de earste helt fen 'e folgjende ieu modern wierne. Under ds. J. Krull (1853—'68) is de Streek fen modern otterdoks wirden. Dümny seis joech der it foarbyld ta. De 11e Desimber 1853 waerd er bifêstige. Al gau krige er biroppen, mar lykwols is er bleaun oan 30 Aug. 1868 ta, do 't er nei Katwvk oan Sé gyng. Dêr is er mar twa jier bleaun en do 't er wer in birop nei Frvslan krige, naem er it mei beide bannen oan. It wier de gemeinte Spannum en lens, dêr 't er nou hinne teach. Dêr bat er in Kristlike kostskoalle oprjuchte en fierder dreech arbeide yn Gods Iveninkryk. Earst stie er noch ünder ynfloed fen 'e Grinzer rjuchting (Prof. Hofstede de Groot, Pareau en Muurling e.o.) mar al sa njunkelytsen makke hy der him los fen. Konfessioneel waerd Krull lykwols net. Svn soan ds. A. F. Krull seit fen him: „Hy hie for de trije Foarmelieren respekt as for ljeau ald porslein, mar foun dy dêrom noch net de definitive formulearring" It wier, bihalven in frjeonlik, ynnimmend, bihelpsum foargonger, dy 't trou hüsbisiik die, foaral bv siken en swakken, ek in man fen stüdzje. Syn ütjeften bilibben mannich printinge. Yn 1910, de 15e Jann. is er to Rotterdam stoarn en Ds. J. Krull 1853—1868 Ds. .!. H. A. Offerhaus 1869—1872 bigroeven to Katwyk o/Sé. Ds. ./. ƒ/. A. Offerluius (1869—'72) is einliks mei in handichheid yn 'e Streek biroppen. Men wit, de doarpen wierne nou otterdoks en winsken yn meartal ek wer in preker yn dy geast. Op 'e list fen oanbifelle kandidaten stie ek Offerhaus fen Zuidwolde yn Drinte. Det wier gans in ein foart en dos liet de tsjerkerie him lis in kear op birop-preekjen komme. Nou hiene in pear liberale Streeksters him foaröf warsköge, det er net al to licht preekje moast. En dêr hold ds. Offerhaus him oan, sa det in hiele bult fioreenplichtigen mienden, det hja mei in I Ds. M. Sjoers Ds. G. H. van Kasteel 1873—1876 1877—1880 otterdoksen ien to dwaen hiene en him hjar stim joegen. De toloarstelling wier letter wol great. l)s- Offerhaus lykwols is nei trije jier wer foartgien en fen dv tiid óf hat de Streek rjuchtsinnige foargongers. Ds. M. Sjoers (1873—*76) hat de Kristlike skoalle mei oprjuchte, howol er raar tri je jier hjir stien hat. Ds. (I. H. v. Kasteel (1877—'80) is nei syn foartgean üt 'e Streek wei, bikend wirden yn 'e tsjerklike wrald. De Doleansje hat yn him in great foarfjuchter foun. Letter komt er wer yn 'e Streek, mar den as dümny fen 'e Lytse Tsjerke. 3. It Isjerkegebou nei de Herfoarming: De Toppenhüster tsjerke. In nije tsjerke, 1695. Der liket oan 'e Toppenhüster tsjerkt yn 1695 sa folie mankeard to hawwen, det in nij gebou nedich wier. Yn it gemeinte-archyf fen Wymbritseradiel leit in boekje, det it bestek fen de nije tsjerke bifettet. De oanbisteginge hat de Woansdeis 22 Maeije 1695 yn 'e tsjerke pleats foun. Yn 'e bylagen haw ik inkelde priuwkes üt det printwirk oernommen en de bilangstellende lêzer wirdt dêr dos hinne forwiisd. Foaral frysksinnige timmerljue en boumasters scille der aerdichheit oan hawwe, om 't mannich fakterm, dv 't allinne yn Frysk sprekkende mülen lilïbe hat, der yn foarkomt. Men fynt oan 'e südkant in tinkstien, boppe de yngong mei in roune bóge der oer hinne en yn in list fen profylstien. Op 'e stien steane de wapens fen Burmania, in bikend edelmansslachte en do grytman oer Wymbritseradiel, mar ek il jiertal 1695. De trije koperen kroanen yn 'e tsjerke datearje üt it léste fjirdepart fen 'e 17e BESTECK, Van 't Opbouwen van een Nieuwe KERCK, In den Dorpe Oppenbuyjen. nWcRtrtf $tftttbfage fal atfc&teten op IBontfütg Dra 11. jBapuS i6?j. ta Marót ban ♦wxifryftu. Tot LEEUWARDEN, Ccdnckt bjr Josamnu de tnru cd Gumt CotnumJ Boeckdrackcn iade Fcpcrftract. 165;. ieu en scille dos wol tagelyk mei it stiftsjen fen de nije tsjerke oankocht wêze. l)e tsjerke i'eii binnen. Yn letter tiden is de tsjerke fen binnen aloan moaijer makke- Fjouwer ütsnijde tekstboerden fen + 1775—1800 bihearre der ü.o. ta. It kostbre nachtmielsilver, det Twellegea ek brükt, bifettet ü.o. in gravearre beker mei opskriften fen 1733 en ek noch ien fen 1790 en twa fen likernöch 1800. It oargel. Eft To. foar 1821 ek in oargel yn 'e tsjerke hawn hat, is net bikend. It foarsjongen wier do (en folie earder al) yn eare en det wirkje knapte master ornaris op. Mar yn 1821 bistelle de tsjerkfaden by A. v. Gruisen to Ljouwert in oargel en mei in alde tradity is britsen. 28 Oktober fen detselde jier is it ynwijd mei in preek fen Ds. W. Ferwerda, pastor loei, oer 't Sam. 16 : 17b. Jouns om 6 ure wier der in oargelkonsert en nei öfrin „vervrolijkte men zich verder aan een vriendelijken maaltijd, welke tot laat in den nacht voortduurde." Yn 1909 is it tsjintwirdige oargel ynwijd, krekt op 'e bertedei fen Prinses Juliana. De hear H. v. Belkum Ksn- fen Ljouwert ünthelle de gemeinte op in moai konsert. Op it oargel moat eartiids de bonke fen Toppenliuzen lein ha. De toer fen hjoed-de-dei is boud yn 1817. Do is er fen stomp spitigernöch spits wirden. Yn 1695 is er dos noch stean bleaun. Yn Febrewaris 1878 wirdt it ürwirk fornijd. De klok. Hwet ek net fornijd waerd, is de klok len Toppenhuzen. Dy hie sünt 1486 al yn 'e toer hongen en fen alle wille en leed ten it doarpsfolk tsjüge west. De klokkeii(>ttcr. dv 't him ta it wêzen röp wier Gerhardus van Wou. Eft de tsjerke fen 1695 wol tige geet west hat, ik bitwivelje it. Op it plaetsje fen de tsjerke yn 1723 sjucht men n.1. al wer in stiennen skoarre tsjin 'e mürre . 1 Ar... l.-lr«Tnlc tiot PQ rH Pi' oan stean. vvy ^ .— fen ripperaesje as yn 1865, do t de hiele tsjerke opmakke is. It tsjerkegebou fen Twellegea. TA T„,^ll«rfnocfoV fsiPl'kp 1 «s 111511* 111 i wcucgcaoiv-i hvtsje alder as de Toppenhüster. Yn 1680 n.1. is de earste boud- Ek hjir wer fine wy in tinkstien, mei it jiei tal 1680 en de wapens fen Burmania. Forlikent men de beide Godsgebouwen mei elkoar, den is it torskeel net greai. Wy biwünderje de sin for ientald en it oanfielingsformogen fen üs toartaers, dy't lykwols dochs san ynfrvsk gebiel leveren. De toer fen 'e eartiids Roomske tsjerke is moai wis langer stean bleaun as 1680. Yn -lulymoanne 1823 léze wy fen in oanbisteginge fen in nije toer to lw., troch it giitenijbistjür, dêr't lykwols neat fen kommen is, sa 't it liket. Hwent yn 1873 pas wirdt de nije opboud. Lvk as men yn 1823 seacli, wier de toer do it eigendom fen 'e gritenij. Det foroaret yn 1888 (25 Sept.). as de oerdracht dêrfen pleats fynt oan 'e tsjerkfadije en dv boppedet noch ƒ 750 ta krije. De tsjerke fen binnen. Yn 'e tsjerke fynt men in eken preekstoel üt 'e jierren 1650 —1675. Dy moat oarspronklik yn 'e tsjerke fen Ysbrechtum stien hawwe. Faeks hat hear grytman, dv 't ommers to Ysbreclitum wenne, sines dêr wol ta dien. It doophek is noch in 25 jier alder en üt 'e selde tiid as de hearebank mei in kape der oei ... ... J J lrrtfJntlTcl'P hinne, dy t steunt op arafiutpylders. De klok. I)e klok is net lieal sa ald as dy fen To. De tsjerkfaden fen Tw. adfortearje A. 1). 1786, yn 'e Junymoanne yn e Ljouwerter, det hja wol in goede doarps- klok hawwe wolle, likernöch 1500 poun swier- Der liket neat op kommen to wêzen, hwent yn 1787 jiet L. Haverkamp ien 1'or hjarren. Wynwizer. Seltsums karakteristyk for in wetterlans-doarp as Tw. is de wynwizer, yn "e foarm fen in boat mei in spriettüch, op de eastkant fen it tsjerkedak lt brüken fen 'e tsjerken. De tsjerken fen heide doarpen waerden yn it foarige folie mear brükt as nou. It wier do it plak for alle gearkomsten. Moast der in grytman ef in bysitler ef in oar lid fen it gritenijbistjür stimd wirde, wol nou, den röp de klok de floreenplichtigen en stimbirjuchtigen op. As de nije tsjerke fen To. oanbistege wirdt, hart det yn 'e tsjerke. As der in deade fen oansjen biïerdige wirde scil, bart det yn 'e tsjerke. Lof, tank, oanbidding, gekryt, geklei; spytgnyskjen en gekoanstekken, alle minsklike uteringen heine de mürren op en hja swije as de stiennen, dy 't de grêven fen alde Streek sters bidekke 4. It Tsjerkegoed nei de Reformaty. Toppenhuzen. De tiid fen „Vrijheid, Gelijkheid en Broederschap" wier in tsjusteren-ien for de tsjerkfadijen. It goed, det hja sünt lange tiden bihearden as in kening syn hóf, moasten hja for in great part fen öfsjen. In trêdde part fen alles, hwet de tsjerke bisiet, moast forsilvere wirde en oan it Regear jown. Listen moasten opmakke wirde, om in oersicht to krijen fen it bisit- De nammen fen hiersljue moasten der op foarkomme, keapbrieven oerlein wirde, en sa mar foart! Yn 't koart, de faden wierne der mei oan. Ds. L. Suringar (de lettere profester) helpt hjarren lykwols en stjürt de forhiersteat fen 1796. Der docht üt bliken, det der bihalven de Noarderfinne, Suderfinne en de „Bütenste Finne" 86 p.m. los lan wier. De Suder- en Noarderfinne wierne elkmis 7 p.m., sadet wy dos op in tal fen 100 p.m. komme, noch formeardere mei de Bütenste finne, hokfor greatte wy net witte. It tsjerkegoed fen Twellegea yn 1797. Mar den Twellegea! Yn 1700 bisiet de tsjerkfadije in pleats fen 83 p.m. en de pastorij ien fen 70! De léste is twisken 1718 en 1728 troch it Provinsiael Regear forkocht, moai wis, om "t de pastorij de lésten net mear opbringe koe. Dy fen e tsjerkfadije is ünder deselde omstannichheden troch it Regear yn in tiid fen fésyktme en earmoede twisken 1748 en 1758 yn bislach nommen en forkocht. rA 'i l.fA 1 7Q7 oc li ia r»nn_ ue isjeiKiaucii ien i i./i, cio *»j« skreaun wirde fen it Provinsiael Bistjür, skriuwe werom (en det teikent hjar tinansjele steat moai knap): „Bij ons kerk heb wy geen Landerijen Als Alleen een half Huis. De Repernsie aan de kerk en tooren En de scholeHuizinge Onderhoudt het Dorps Volk van het Bovengemelde Dorp Uittwellengerga Actum den 5 Augustus 1/97' J-l/firt WuhJipc pii Franke \\ UÖ6S litlil rt » " ' " - - - - ,/ (tsjerkfaden). It üerjucht fen Wymbritseradiel fynt il nooHvQpUi L- rlii tn hifêstieien en docht 11 * > • Ou it mei dizze wirden: „Het Geregte van Wymbritseradeel verklaart dat de kerk van Uitwellingerga niet: bezit van enig belang ja zelvs dat de schulden groter zijn dan de waarde." Dit tsjügenis skoerde de Twellegeaster tsjerke der hielendal trocti en sv noegue neat op to bringen. lt tsjerkegoed fen Toppenhuzen en de anneksaesje fen 1797. Toppenhuzen lykwols waerd neisjoen. Twa stikken makken de tsjerkfaden op (it wierne yn dj' dagen Lou Aants en Ultsje de Jong): Foarst, ien mei stikken lan en pleatsen der 't men de keapbrief noch fen hie en twad, ien mei stikken lan en pleatsen der sünder. Wy bisjugge beide ris fen tichterbv. Hwet de earste oanbilanget. wy léze, det yn 1726 de sate fen Joris Piers biwenne (1797) oankocht is. De greatte derfen wirdt net opjown, mar it Floreencohier fen 1788 jowt op 89 p.m.; 4 en (5 p.m. lan waerden kocht yn 1731; 1, IV2 en 7 p.m. yn 1738; 1, 7 en 7 p.m. yn 1742; l/z p.m. vn 1745; in sate fen Gerben Cornelis bi¬ wenne (neffens it Floreencohier 1/88 31 p.m ) yn 1764; en 5 en 7 p.m. mei noch in hüs mei hoarnleger, yn 1793 en 4 p.m. yn 1794. Opteld krije wy in tal fen 179 p.m., mei twa pleatsen en in hüs mei hiem. Fen de twadde soart „landen zijn geen koopbrijven van voer handen, maar het segyen der oudste meest Alle van tijt tot tijt aangekogt." ' En den folgje 40 p.m. los lan mei ien pleats, troch de widdou Ane Gerbens biwenne. Der stiet al wer net by, ho great, sadet wy de kar hawwe twisken 24 en 50 p.m. Om 't lykwols dy fen 50 p.m. de aldste bisitting is, halde wy dêr mar op oan. Sadet wy dos noch 90 p.m. lan en in boerehüs by de oare öfdieling optelle moatte en wy in sifer krije fen 269 p.m. Dizze lannen dogge as hier 400 Caroligoune. For de fordüdliking wirdt der yn 'e lêstneamde steat noch by sein: „ln Onse Gemeente van toppenhuisen en Uitwellinga sein twe kosters die ook schoolmeesters binne. De 1. het troktement 100 Croli Guldens D' andere 60 Croli Guldens." It gerjucht fen Wymbritseradiel krijt lit Ljouwert wei it birjucht, det hja de tsjerkfaden oplizze moatte, noch düdliker to wezen. Dy fen 'e haedstêd skriuwe: „Mede Burger." Het was met verwondering, dat wy ontfingen eenige opgaaven, der vastigheden, en besittingen van eenige Corporas welke wy uit de naamen der dorpen ontdekten, dat dezelve behooren onder het district van Wymbritseradeel, en welke opgaave van eenige zoo zeer onnauwkeu¬ rig en niet voldoende aan den Eysch bevonden zijn, daar anderen manqueren, zoo vinden wij ons genoodzaakt, dezelve aan Uw terug te zenden, met versoek om ten spoedigsten aan de aanschrijving van den 6 Aug. te voldoen en de onwillige namens ons daar toe te insinueren, dog voornamentlijk die, welke men voorheen heerschende noemde, en dezelve als dan ten spoedigste aan ons over te senden waar op ons verlatende zijn wij na toewyensch van Heil en Aanbod van Broederschap Medeburger. N.B. Voornamentlijk diend gelet te worden, dat de namen der huurders of gebruikers gemeld worden." Eft de tsjerkfaden der ek oan foldien hawwe, blykt net üt 'e stikken yn it Ryksarchyf to Ljouwert. It scil wol net oars. Hofolle de Toppenhüster tsjerke yn 1797 opbringe inoast. 1 April 1797 meitsje hja in steat fen it tsjerkegoed op, dy 't der sa ütsjucht: 1) 85 p.m. los lan, allegearre bütendyks ünder To., Goaijingearvp, taksearre op ƒ 3000.—; 2) 26 p.m. publyk forkocht for ƒ 1005.19; 3) In pleats, troch Gerben Cornelis hierd; 60 p.m-; hier 120 Car. g., taksearre op ƒ 1550.—; 4) In pleats, troch Joaris Piers hierd for 230.— Car. g., taks. op ƒ 2200.—; 5) In pleats, troch Widdou Anne Gerbens hierd for 150 Car. g., taksearre op ƒ 1500.—; 6) Lanskips-obligatys fen ƒ 2000 tsjin 34 % ƒ 680. . Meiinoar ƒ 9935.19; Skilden ƒ 1335.19; Bisit ƒ 8600. . Fen dit léste bidrach nou moast 1/5 bitelle wirde ef ƒ 1720.—. Dit grou stik jild wierne Ultsje de Jong c.s. forplichte „aan den lande te fourneren " Letter hawwe hja noch 5/6 fen 1/5 bvbitelje moatten, om 't it regear in treddepart yn 't gehiel easke. De diakenij syn goed yn 1797. Yn dy dagen hie de diakenij fen To. ek eigendommen, n.1. 3 p.m. lan to Twellegea, forhierd oan Hein Wibes for ƒ 24.—. It wier kocht yn 1750. Twad- in keamer to Tw. Trêd, ien to To. Fjird, in pöltsje lan ef hüssté to Tw., twisken paed en feart. Fyft, ek sa n ien op 'e Südein. Secht, in hüske to Tw. Dy 't dit listke opmakke, wist noch net folie fen staverjen öf. Hy skreau it wird Diakenij „Jakeni"! Aerdich is noch de taheakke, hofolle „Gereformerde" der ünder To- en Tw. wenje, n.1. 315 sielen. Fen boppeneamd bisit, det yn in oar stik noch kompletearre wirdt mei 3 lanobligatys fen resp. ƒ 270.—; ƒ 153.— en ƒ 600.—- en mei elkoar in bidrach ütmakket fen ƒ 1500.—, moast yn 'e earste opslach ek 1/5 levere wirde, det wier dos ƒ 300.—. It tsjerklik goed yn 1831. In steat fen 'e tastan fen 'e Tsjerken, Pastorijen en Tsjerkelike administratys yn Wymbritseradiel 'fen 1831 jowt tor Toppenhuzen it folgjende oan: Tsjerke en Pastorij binne it eigendom fen 'e Herfoarme FÏoreenplichtigen. Der lizze gjin skilden op. Beide binne tige goed ündertuilden. De tsjerklike eigendommen en founzen bisteane üt huzen, lan, grounpachten, ivige rinten en obligatys op Ryk en partikulieren. It ynkommen is trochstrings om-en-de-by de ƒ 2980.—. Ien skild fen ƒ 1700.— is der. De dümny hart ƒ 100.— as fêst traktemint en ƒ 600.— talage. Der is gjin haedlike omslach. Lit my daliks mar sizze, det To. mei sa'ii ynkommen it heechste wier yn hiel Wymbritseradiel- Easthim barde ƒ 2396,75, Ysbrechtum ƒ 2200.—, Nijlan ƒ 1345.—, Gau ƒ 1100; mar det wierne den ek de heechsten. De tsjerke-eigendom fen Tw. yn 1831. Fen Twellegea seit de niisneamde steat it folgjende: De tsjerke is fensels wer it eigendom fen "e Herf. floreenpliehligen. l)er lizze gjin skilden op en 't gebon sjucht der lidlik üt. Ta it tsjerkelike goed heart de helt fen in brekfallige keamer. It ynkommen oer in jier is ƒ 15.—/ De Herfoarme floreenplichtigen bringe meiinoar ƒ62.— op for de haedlike omslach. Sa sjucht men dos, det de iene tsjerke troch de ieuwen hinne mei al mear ierdsk goed bijeftige is en d' oare it üntnommen. Statistyk ten it tsjerkegoed yn beide doarpen. Oan d' ein fen dit ünderdiel fen 'e tsjerklike skiednis jow ik in steat fen it tsjerklik goed fen 1500 ont nou ta. In pear taljochtsjende opmerkings lit ik folgje: Allerearst Toppenhuzen: 1511 1513 1700 1797 1938 Pair l'asl. Kik. , Patr. i Past. ] Fik. , Tsjerkf. j Past. Tsjerkf. j Diak. Tsjerkf. 79 85 48 74'/21881/, 49'/.> 135V2 j — 281 j 3 ± 341 J) Totael + 341 Totael 212 Totael 211 /2 lotael 135 /2 lotael 284 en jg keamers ') Hjir binne trije pleatsen by fen resp. goed 34, 35 en 30 H.A. Twellegea: 1511 1543 1700 1797 1938 Patr. j Past. Fik. Patr. I Past. | Fik. Tsjerkf. | Past. Tsjerkf. Past. I I I i 1 243/4 65 43- 17'/21591/2: 47 83 70 0 0 0 Totael 132;!/4 Totael 124 Totael 153 Totael 0 0 De jiertallen 1511, 1543, 1700, 1797 en 1938 hawwe resp. bitrekking op: it Register van Aanbreng, it Benefisiaelboek, it Floreenkohier, de Anneksaesje yn 'e Franske tiid en it hjoed. Patr- is Patroanalia; Past. is Pastoaralia; Fik. is Fikaralia. Nei de Herfoarming halde de earste en léste soart fen bisit op to bistean (Patr. en Fik.) en der komt de tsjerkfadije for yn 't plak. De getallen slagge fensels op it tal pounsmietten. HAEDSTIK V. Skoalleskiednis. Algemien. Toppenhuzen hat op 't heden twa skoallen, n.1. ien Herfoarme en ien Grifformearde. Dizze tastan hat noch net malle lang dürre. Fyftsjin jier forlyn (1923) wierne der noch wol trije! Do is n.1. de Steatsskoalle opheve. Ienris diene de Toppenhüsters en Twellegeasters it elts mei ien. Dy skoallen gyngen üt fen 'e tsjerke. Master wier bihalven ünderwizer fen it jonge folkje. tsjerklik baentsjeman. Hy wier faken koster, klokopwiner, ürwirksmarder, foarsjonger, omsizzer, ja fen alles tagelyk. Och, det mocht ek wol, hwent it salaris koe net helje by det fen tsjintwirdich Yn in hanskrift fen 'e 16e ieu (ik neamde it de geastlike opkomsten fen Wymbritseradiel yn 1580) lést men fen in skoalmaster Sjoerd Douwen, dy "t oer trije fearnsjier njuggen goudgounen salaris kriget en, sa 't it liket, de kost In jier letter fynt men Egbert Egberts as skoalmaster neamd. Os. Griethuijzen Hzn. 1881—1804 Ds. A. Jellema 1897—1910 Ds. J. Dijk 1917—1922 Ds,. 1). J. Lazonder 1923—1928 Ds. F. Schrale 1929—1932 A. De Masters- Lyk as ek by de dümny's, biliannelje ik de skoalmasters net stik tor stik, mar nim it fornaemste fen hjar libbensskiednis der üt wei. De list, dy 't men efteryn fynt, is fierwei it measte part it vvirk ten de hear H. Sannes fen Gietsjerk. Hy wier sa goed my fen de fortuten fen syn ündersiik profitearje to litten, eat, dêr 't ik him fen herten for tank siz. Joh. Piters bikweadiget him oan 'e ilrank (1584). De trêdde master fen To. Johannes Piters hjitten, ef deftiger Joannes Petri, fynt men net folie moais fen biskreaun. De 23e Juny 1584 n.1. bislüt de Klasjes Snits, det dizze „scholemeister in Oppenhuisen, sine schultbekenninge van sin dronckenschap tot Sneeck in die grote Kercke scd doen, oftt, so die Kerekenraedt utt gratie hem sulx tolaet, in die kleine Kercke." Hjir mei men dos üt öfliede, det master dronken west hie en det syn bazen him straffe, troch him op to lizzen, yn it iepenbier bilidenis fen syn sünde to dwaen en wol yn 'e St. Marten to Snits ef, by de graty, yn 'e Lytse Tsjerke fen dy stêd. De lêstneamde tsjerke stie yn 'e tsjintwirdige Lytse Tsjerkestrjitte. Under de dümny's fen To- c.a. metten wy al drinkers; hjir is in biwiis, det dy soarte minsken by de skoalmasters net üntbrieken. Wy moatte der den ek net oan tinke, ho 't it ünder it gewoane tolk west hat. It frjemde forhael fen in skoalmaster (Gerryt Jansen) dy 't dümny wêze woe, haw ik al by de tsjerklike skiednis torbelle sadet ik mei in forwizing dêrnei tolstean kin. Ut tsjerkfadijboeken, oanwêzich op it gemeinte-archyf fen Wymbritseradiel notearde ik noch, det de ünderwizer D. A. Jongbloed boppe syn salaris fen ƒ 250.— noch ƒ 50.— üt 'e tsjerkebeurs krige! Det wier gans mear, as hwet syn foargonger yn 1797 fortsjinne, n.1. ƒ 100. Minder wier dy fen Twellegea der oan ta; dy moast it do mei ƒ 60.— dwaen! Lokkich, det hja beide it kostersbaentsje der by hiene! Boppemaster 1). Jongbloed krijt yn 1800 noch jimmer ƒ 300. — salaris ut 'e tsjerkebeurs, h.ü. ƒ 25.^ as oargelist. „Met het overige zijn de posten van koster en klokkenist verbonden!" ]?. De skoalle to Toppenhuzen. Ornaris stie de skoalle net sa fier fen 'e tsjerke, hwet foaral by de Toppenhüs- ster düdlik noch to sjen is. It lokael n-1. Isjinne der ienris for. De 18e Juny 1830 stjüre de tsjerkfaden fen To. ünder foarsitterskip fen G. P. Sjaardema in forsiik oan 'e Grytman, om 'e floreenplichtigen byinoar to roppen for it biriedslagjen oer 't bouwen fen in nije skoalle en fortimmering fen 'e ünderwizerswent. Hja hawwe der for in tün en hiem oanroalle fen 'e slachter K. G. Wijnia. Yn 1831 komt de nije skoalle der yndied, mar lang stiet hy der net, hwent de 23e Aug. 1872 wirdt de ófbraek fen de alde en it opbouwen fen 'e nije al wer oanbistege. Trije jier letter wirdt dizze skoalle gans bloed öftape, trochdet ünder lieding' ten ds. Sjoers, Durk Tsjeards Zylstra e.o. in nije Kristlike skoalle oprjuchte wirdt. Yn 'e neioarlochske jierren hat de lêstneamde in greater gebou krige, steande foart by de Leijesleat. De „Steatsskoalle" is fen dy tiid of stadichwei efterüt boerke en yn 1923 hat er it oerjown. De Kristlike skoalle moast yn 1900 wer in fear litte,. do 't in skoalle fen 'e Grifformearden oprjuchte waerd. C. Learlingen. In lytse forliking fen it tal learlingen fen eartiids mei ta bislüt fen dit haedstik folgje. Men moat der wol om tinke, det eartiids beide skoallen fen 'e Streek Steatsskoallen wierne, wvlst der noutiids oars net as Bisündere skoallen steane (en den ek noch wol allebeide yn To.), hokfors learlingen ik by elkoar teld ha- Ik jow derby de sifers fen 1847, '48 en '50, do 't to Toppenhuzen master Douwe Atses Jongbloed stie. Hy wier yn 1818 al ünderwizer wirden. Toppenhuzen: Jier Ynwenners Learlingen 1847 336 53 simmerdei, 42 winterdei 1848 356 46 1850 341 39 1937 663 114 (Herf.) 52 (Griff.). Fen dit lytse tal learlingen mocht master Jongbloed yn 1858 net mear as ƒ160 skoaljild freegje! It Twellegeaster listke sjucht der sa üt: Twellegea: Jier Ynwenners Learlingen 1847 291 50 simmerdei, 41 winterdei 1848 264 — 1850 307 43 1937 510 0 For Twellegea is dos ek op dit gebiet forlies op to meitsjen. Hvvet in doarp ta doarp makket, in tsjerke en in skoalle, giet hjir mar for de helt mear op. Yn 1858 stie master Beert Hobbes v. d. Laan hjir as haed. Hy mocht net mear as ƒ 175.— skoaljild ynfoarderje. By beide opjeften üt it midden ten 'e foarige ieu, sjugge wy, det simmerdei mear bern op skoalle gyngen as winterdei. Det kaem, om 't winterdei de paden likernöch ünbigeanber binne en der gjin learplichtwet wier. HAEDSTIK VI. Soasiael-ekonomyske skiednis. 'k Scoe net ljeafst wolle, det de lêzer fen boppesteande „rare" wirden sa kjel waerd, det er sei: „Slaen oer dy saek!" Middels ten bistean. Wy wolle ii.l. inkelde dingen fen it lolk fen 'e Streek fortelle, b.g. ho 't it troch de tiden hinne arbeide for syn deistich brea. Alearen wierne it fiskers, dy 't hjir it bést hjar kost fortsjinje koene; letter krigen boeren ek in kans. De léste soart waerd it iderkear better for, mei 't it lan yn 'e omkrite al mear en mear yn kultuer brocht waerd. In lyts part ten 'e Streeksters hat troch alle tiden hinne skippere, itsij op eigen ef op in oar syn skip. Op 't heden is 't wol sa, det de hiele bifolking oanwiisd is op it boerebidriuw. As sadanich meitsje To. en Tw. dos gjin ütsündering op 'e doarpen yn 'e omkrite. It forfeantsjen (sjuch it haedstik de wettersteatk. skiednis) hat yn somlike tiden ek in bidriuw ütmakke, sij it den ek meast for eigen gebrük. Bisündere hantwirken hat men yn 'e Streek oars net hawn, as de skütmakkerij; yn 1852 seit men der fen det er „niet zeer bloeijend" is. Letter hat er mear drokte. De oprjuchting fen it Ivoöp. Suvelfabryk (1902) brocht de masjinale suvelyndustry yn 'e doarpen. Men wit it, det dizze yndustry nei oan 'e boer forboun is. Inkelde arbeiders hawwe yn it fabrvk fêst wirk. De oaren hiene foar de krisis wirk by de boer en mannichien fen hjarren bigoun seis to boerkjen en wirke him seis op ta koumelker. Koumelkers binne der forskate yn 'e Streek; foaral op 'e Südein steane ünderskeidene spiltsjes. Men kin fen tinken wol hawwe, det ■ der ornaris wol ljeafhabbers lor it hieren fen los lan binne- Fordieling fen 'e groun yn 1511. A. Toppenhuzen. De Toppenhiister geastlikheid (pastoar en fikarius) hiene yn eigendom 85 -|~ 48 p.m. = 133 p.m. De patroan (det is dos de tsjerkfadij) syn 79 p.m. komme der noch by en telt men dy fen 'e kleasters ad 158 p.m. (9 %) der den ek noch by op, den kriget men in totael fen 133 + 79 + 158 p.m. = 370 p.m. Totael laei der 1750 p.m. lan. Oan tsjerklik goed (dit „tsjerklik" den ek as „kleasterlik" opfette!) krijt men dos in prosint fen 21.2. De twadde klasse, dy 't yn 1511 düdlik nei foaren komt is dy fen 'e haedlingen ef „hoefflingen" sa 't it Register skriuwt. To. hie do mar trije, t.w- Goffa Piers (sjuch steatk. skiednis), Katherine Piers widdou, en Ymke Ulbes widdou. De earste beide kinne wy wol thüsbringe, mar de trêdde net, hjar bisit is mar 10 p.m. Meiinoar hat de adel mar 252 p.m. ef 14.4 %. De ynfloed fen dizze klasse kin yn dy dagen den ek nea great west hawwe. De trêdde klasse is in machtigen ien, mar bistiet üt in great tal lvtse boeren en boargers yn ef büten it doarp wenjend. Hja bisitte meiinoar 48.6 % fen alle lan to To. De fjirde klasse is dy fen 'e einierde boeren („eijgenerffd"), det binne dos sokke boeren, dy 't baes oer eigen pleats binne en ek noch hwet mei hawwe to sizzen. 15.4 % fen 'e groun is hjarres. Fordieling fen it grounliisit to B. Twellegea yn 'e 16e ieu. Hwet Twellegea oanbilanget, sjucht men inselde soart forhalding: Pastoaralia wier der 65, Fikaralia 43 (mei boppedet noch 27 p.m. fen 'e Fikarius to Boarnswaech), Patroanalia 2%. Meiinoar dos 159'54 p m. benefisialia ef 8.6 % fen 't gehiel. It Kleasterbisit bistie üt 172/^ p.m ef 9.3 %. Tsjerke en kleaster koene it dos togearre net ienris oan 20 % ta bringe. It kin bast net oars, ef hjar ynfloed wier ek dêrneffens. De twadde klasse, de adel, bisteande dotiids üt de widdou fen Pier Sjaerda boppeneamd, Jow Dekema (gjin To-er ef Tw-er), Douwe Burmania (id.) en Homma Epasz (Hettinga) fen 'e Hommerts, bisiet 118^4 p.m., det is mar 6 %. . Gans great wier it bisit fen einierde boeren. Ik kaem ta it hege sifer fen 810/4 p.m. ef 43.7 %. Fierders laei der noch 590^4 p.m. lan oan oare eigeners tabihearrend, en net to biflappen ünder ien fen de neamde trije klassen. Hja kamen fen 'e Jutryp, Akmaryp, ter Kaple, de Broek, Ipelsgea, Smelbrêge, Snits, Offenwier, Drylst, Boarn, „Hemdick", Nijemar, Starum. 'e Hommerts, Teroele, Gau, Gongryp, Langwar en fensels ek Twellegea. Wy sjugge dos, det de einierde boerestan him sterk üntjown hie en yn t algemien, det greatgrounbisit yn 'e 16e ieu ünbikend wier- It kin net misse, ef dizze tastan hat fen ynfloed west op 'e karakterfoarming fen 'e bifolking. Fnrtiieling fen 'e groun yn 1700 to Toppenhuzen. Ut 'e sf/mkohieren (sjuch Steatkindige Skiednis) hawwe wy al op 'e ynfloed fen ütwenjende lanhearren op it politike libben wiisd en den binammen yn 'e 17e en 18e ieu. De //oreenkohieren ut dyselde tiid jowe boppedet in kleare oanwizing, ho 't de lordieling fen 'e groun do wier. Ik neam b.g. it jiertal 1700 en fyn den de folgjende sifers. Fen de 2(5 pleatsen, dy 't ik for Toppenhuzen notearde, meiinoar in tal pounsmietten fen 1655 foarmjende, hearde 1369 p.m. oan eigeners, dy yn "e measte gefallen büten it doarp wennen en yn alle gefallen hjar spil forhierden. De iennige tsjerkepleats fen 1700 (50 p.m.) heart einliks ek ta dizze machtige klasse; dy makket ommers it tal hierboeren noch greater. Fjouwer pleatsen, meiinoar 236 p.m. great, binne it eigendom fen in lyts groepke ünöfhinklike boeren. Der heart b.g. Gerrit Atses, de üntfanger, ek by, al is syn pleatske den ek mar 34 p.m. great. De greatte fen 'e pleatsen fariëarret fen 23>4—112 p m., mar de greatst vn lal lyksoartige spillen, dy fen 60—69 p.m. komt ticht by it gemiddelde (63). Los lan wier der noch sa'n 290 p.m., hwêrfen ek ünderskate stikken oan frjemde lanhearren hearden. De tsjerke fen To. lykwols bislacht mei syn 85>^ in fiks part fen it terrein, sadet de opkomsten fen dy lannen dochs it doarp to'n goede kamen. It fait op, det neffens dit Floreenkohier it oantal pounsmietten ünder To. in 1945 ütmakket. Vn 't Register fen 1511 wirdt mar 1750 neamd. Is dit in biwiis, det yn dy 300 jier hiel hwet lan oanmakke is? Ef forrifelt de breklike administraesje fen eartiids üs? In oare konklüzje is noch, det it grounbisit fen 'e Streek him yn in ieu-ef-trije gans wizige hat. It is der for de boer net better op wirden. Ek for Twellegea scoene wy nijsgjirrige sifers neame kinne, mar dêr oer faeks ris op in oar plak! In bilêsting ten 1744. Lit üs nou ris sjen, ho 't it yn dyselde ieu en wol yn it jier 1744 mei de bilêstingopbringst yn 'e Streek stie; wy fine det yn in öfgryslik swier en grou boek fen it Ryksarchyf to Ljouwert. 't Is in register „der Huisgesinnen" fen 'e hiele Provinsje. Ek dy fen „Oppenhuisen" en „Uitwellingerga" komme der yn foar. Men lést der b.g. yn det To- de namme fen Ds. Reinalda boppeoan hat. Dümny biedt 8 car. gounen yn 't jier oan to biteljen. Mar Teade Annes oertroevet him met 12 car. gounen. Hja binne de heechsten. Fierders fynt men ek ljue, dy 't „insolvent" binne, dy 't hjar skild dos net bitelje kinne. Men rekkent op trije to To. Twa Toppenhüster hüshaldings wirde alhiel ünderhalden. Twellegea biedt mei syn 28 hüshaldings (136 pers.) 75 car. g. oan, tsjin To. 122.10 (38 hüsh., 154 pers.). Hjir is ek wer ien dy 't yn 'e pogge sit en twa „G'alumenteerde" (dy 't ünderhalden wirde)- Hein Tsjeards widd. bitellet it measte, n.1. 10 car. gounen. Ik biskik spitigernöch net oer sifers, om de ekonomyske skiednis fen dizze doarpen, dy 't sa'n typyske ienheit foarmje nei de Midsieuwen, fierder to biskriuwen. Wol wit ik, det de stan fen 'e lytse boer, lyk as op safolle oare plakken, him üntjown hat en troch swier bodzjen en in oanhaldende wrakseling mei groun en tiid syn kost bisiket to fortsjinjen. * * & Twa forskynsels wol ik noch op wize, foardet it léste haedstik oan bar komt, foarst dit: Yn 'e foarige ieuwen hat de bifolking fen 'e Streek him sterk ünder elkoar formongen, fen gefolgen det op 't heden in great part famylje fen elkoar is. Det ien en oar ek psychysk fen ynfloed west hat, is to bigripen. It aerd fen 'e Streeksters. Twad, hwet it aerd fen 'e Streekster oanbilanget, det hat sünt minsk'ne heugenis gol en gastfrij west. Hwa 't it mei him bisile kin, is wis, det er op syn folie meiwirking rekkenje kin. For de nij-ynkommene is it earst wol ris swier, opnommen to wirden yn it doarpsformidden. Eartiids waerden frjemde feinten, dy 't stiken om in Streekster faem, faken molesteard, om 't de rigel gou: De Streek for de Streeksters. Mar det is sünt de 20ste ieu hird foroare. De aloan better wirdende kommunikaesjemiddels hawwe hjarres der ta dien. It devys „Sljucht en rjucht'' wirdt yn 'e Streek noch jimmer treflik tapast. IenfAld, mar der nést, eptigens, dêr tsjüget it boerefolk fen. Meiinoar ien! Det is in tredde devys fen 'e Streek! Hofolle forienings binne der net en de measten derfen wirde seltsums populair laet. Koartswilich is dit folk en fol geast. Hwet wirdt der net öfhannele sa winterdeis yn 'e büthuzen en simmerjouns nei it wirk op 'e dyk. It libben brüst der üt, al wirde de forhalen den ek deabidaerd dien. Dit folk hat fantasije, dit den bidoeld yn 'e goede bitsjutting fen 't wirdHwet binne hja ryk oan nammen, bynammen, mar ek, hofolle lannen en fearten yn 'e omkrite hawwe hja net karakteristyk bineamd. It scoe in boek lol meitsje kinne, as men det ris opskreau. Noch jimmer giet dit troch; det is tige lokkich, hwent it biwiist, dit folk hat noch wirdskeppende krêft. Yn syn han scil it Frysk in hearrich, brüksum stik ark wirde, tomear as de jonge Toppenhüsters en Twellegeasters aenstouns allegearre Frysk skriuvve en léze kinne. Biwarje den itjinge jim is tabitroud, Streeksters! HAEDSTIK VII. Grienmank. Yn dit léste haedstik wolle wy inkelde koarte meidielingen, dy 't om ien ef oare reden net opnommen binne yn de foargeande haedstikken, forhelje. Yn 1511 laei der to Toppenhuzen lan, dêr 't de earmen eigeners fen wierne. Yn 1580 treffe wy ü.o. yn To. nést tsjerkfaden öfsünderlike administrateurs fen it benefisiale goed oan. Yn 1825 wirde as tsjerkfaden en floreenplichtigen fen To. ü.o. neamd: Tsjeard Wibes Zvlstra, Ultsje Gerryts de Jong f 1826, Ulke Aukes Jongbloed, Gerryt Piers Sjaerdema (wirdt opfolger fen U. G. de Jong. Wier boer. Haldt yn 1831 op) en Wytse Martens Hoekstra- Yn 1833 is der sprake fen it Soolhout by Gerben Doedes. It is brekfallich. De Topplecits (P. Tiersma wennet der nou op) moat ris in kear forkocht wêze for in Dimter koeke. Under Twellegea leit twisken Statenbocht, Fetsehol en Langwarderfeart (ek wol op in party kaerten Geau neamd), in stik lan, det Frjemdlan hjit. Men seit, it hjit sa, om 't it net ien sines wier. Yn 1511 léze wy al fen it fraemde land. Yn 't foarige rounen nachtwachten troch it doarp. It wierne arbeiders, troch de tsjerke oansteld. Sa'n nacht fortsjinnen hja ien goune. Hjir en dêr moasten hja de bigjinletters fen hjar namme sette. mei de üre der by. Sneintojouns bakte men wol ris pankoeken, wylst de feinten om 'e hird sieten. 4 Juny 1881 fiert it resitearselskip „De ontluikende bloem" to Gau yn Twellegea op ü.o. „De Utdragerswinkel". 14 Oktober 1886 is it to Toppenhuzen hirdrinnen for manljue. 21 Maeije 1868 wirdt to Toppenhuzen in naei- en breidskoalle oprjuchte mei 35 learlingen. It bi-ierdigjen barde yn 1811 yn Wymbritseradiel wakker gelyk. To Ysbrechtum groeven de bürmannen op 'e dei fen 'e bigraffenis it grêf, „zijnde een hol van ongeveer 5 voeten diep...." To Gau dogge de bürmannen it en krije as lean in kopke thé ef bier. Yn Skearnegoutum drage de bürmannen it lyk ienkear ef for in part om 'e tsjerke. Den sette se 't yn in tige djip grêf, det de bürmannen meastal de moarns acht üre al groeven hawwe, sa, det elts yn syn „legerstede" komt. (Eltse hüshalding hat meastal 4 grêven). It kloklieden kostet in daelder de healüre. Frjenide deaden wirde daliks nei 't grêf hrocht. Ek to Goaijingea en Offenwier is it bürreplicht it grêf to graven en to dragen. Hja „genieten" der for, al nei de omstannichheden in glês bier, in kopke kofje ef thé. Toppenhuzen lykwols is yn trijen fordield. Elts part bigraeft syn eigen deaden. Twellegea'x doarpsrjucliter Hein Wibes, seit, det it bi-ierdigjen fen eigen folk bart troch eigen folk. It is in ald gebrük. Gjin kosten wirde der for makke. De tiid leit noch net salang efter üs, det der to To. gans hottefile waerd oer de kwesje bigraffenisforiening ef bürreplicht. In frij sterke stream woe it ek tor de takomst noch wol weagje mei de fen idder op alder oerlevere bürreplicht- De stien op 'e Staten. Twisken Twellegea en Langwar leit in stik lan, det de Staten hjit. It Stobberak en de Langwarderfeart rinne der by lans. Op dy Staten leit in swiere balstien, dy t stadichoan djipper de groun yngiet. Op 'e joun fen myn lezing oer 'e Streek kaem der in fraech oer dy stien. Ik haw do andere, hwet notaris Haagsma fen Boazum earen skreau yn svn hanskrift „Oude plaatsnamen (in) Wi.jinbritseradeel, Oppenhuizen, Uitwellinger- Sa-" Dêrneffens hearde it lan do oan Wibe Klazes van der Zee. De stien is ris in kear troch de jonges fen 'e eigener opgroeven en mei in soad wirk forpleatst. Der laei in hynsteskelet, forskate diggels en in soarte fen tüch, det wol op yeske like, ünder. „Waarschijnlijk dus wel een grafstede uit den Heidentijd," bislüt notaris. Hwet hjir fen oan is, lit ik yn it midden. Ik for my tink to n earsten oan ien fen de iistiid-oerbliuwsels, dy 't men wol mear yn üs Fryske lan fynt. As der al in gat yn sit, dêr 't de as fen in jasker yn draeid hat, lyk as üt 'e gearkomste wei sein waerd, is dit hielendal noch gjin biwiis, det dy stien der mar koart lein hat. I'ersoanalia. Bihalve de dümny's en skoalmasters, dy 't üteraerd mear yn it doarpslibben nei foaren komme, en inkelde silers ef birdriders, hat de Streek dochs ek manljue oplevere, dy 't yn 'e doarpsmienskip gans bitsjut hawwe. Om mei ien fen 'e Walma's to bigjinnen. (Wy skreauwen der al earder oer yn it haèdstik Steatk. skiednis). Piter Wal ma gong yn 'e Junvmoanne fen it jier 1879 mei de hearen Jhr. Mr. C. L. v Beijma thoe Kingma op 'e Lemmer en H. Pasrna Fsn. yn 'e Nijehaske nei Denemarken en Sweden om dêr it bütermeitsjen to bistudearjen. De reis gie oer Hamboarch nei Malmö en Kopenhagen. De Fryske Maetskippij fen Lanbou hat hjarren öffirdige. Dizze stüdzjereis hat fen greate bitsjut- ting west for de lettere üntjowing fen üs masjinael suvelbidriuw. Deselde Walma skreau de 21e Febrewaris 1880 yn in artikel yn 't „Nieuw Advertentieblad" (lettere Hepkema) oer de Gravinnewei. Hy seit, det er yn 1855 mei dr. Staring, de greate geolooch, de rin neigien hat en hja kamen ta de rjuchting, lyk as ik dy ek neamde yn it haedst. oer it üntstean. Toppenhuzen hie eartiids tige sterke keardels. Ien der fen wier Wibe Ruerds, dy 't ris op in Tiisdei to Snits üt it Greatsan twa bargen helle, sünderdet ien him holp. Doarpsdichters hawwe Toppenhuzen en Twellegea ek wol hawn en lokkich binne dy der op 't heden noch. De reboelje mei de soasialisten, dy 't op in Snein in propaganda-gearkomste halde woene en do mei kneppelslaggen it doarp ütjage waerden, is biskreaun yn in Frysk rymstik troch in Si men van der Zee, dy 't letter yn Kanada bilanne is. Kin ien fen 'e lezers my ek noch oan det gedicht helpe ef syn adres opjaen? De 10e Febrewaris 1931 stoar to To. de smid H. Mensonides. Hy hat him al- hiel oan it doarp jown; sa wier er ienris bistjürslid fen Doarpsbilang, Griene Krüs, Wykforpleging, Sikefouns, Skoalbistjür. Syn tsjerke (de Lytse) tsjinne er mei it alderling- en diakenskip. Tige great is it tal Streeksters. det nei Amearika, it lan fen dream en winsken forfearn is- By Los Angelos yn California sit in great diel. Yn 'e tiden fen 'e longpest (midden fen 'e 19e ieu) hat in Toppenhüster boerefeint in boekje skreaun oer dy fésyktme en der yn üthalden, det dizze pleach in oardiel fen God wier. It hjit: „Iets over de thans heerschende Longziekte onder de beesten en de daarbij wakenden. Opgesteld door A. J. Bosma, wonende als dienstknecht bij de landbouwer J. J. de Jager te Oppenhuizen, in het jaar 1858." Bosma seis wier de üljower. Op oanrieden fen oaren hat er it printsje litten yn 1874. It is in rymstik, üntstien by it wekjen by de sike kij. Inkelde rigels nim ik oer: Geliefden allen hoort het aan, Wat of ik hier eens heb geschreven, Doet hier Uw harte stil bij staan, En wilt er degelijk acht op geven, It fabrvk Klisjé Frico. Dat ik geschreven heb in tijd Toen ik bij 't zieke vee moest waken, Dat hier om onze zonden lijdt. Op in oar plak: Hoe menig nacht heb ik gezeten, Hoeveel het kreunen aangehoord, Zou ik dit alles zoo vergeten, En slapen daarna rustig voort: O neen, dit alles trof mijn harte, Daarom heb ik mijn pen gevat, Omdat het mij zoo grievend smarte Dat 't vee zooveel te lijden had. En daarom ach ik roep u allen En noodig u mijn boekjen aan. Dal hel ons haast te beurt zal vallen, En niemand onzer kan t ontgaan. En daarom hij die hier op aarde, De beesten ter bezitting heeft, Ach stelt ze niet te hoogen waarde, Gij weet niet hoelang gij nog leeft Oprjuchters fen it i'abryk. De persoanen, dy 't hjar skouders ünder it wirk set hawwe om in büterfabryk op to rjuchtsjen, binne de folgjende. Men fynt hjar nammen op twa stiennen, yn 'e portyk fen 'e direkteurswent. De earste bifettet dit opskrift: Ps. 138 Vs. 1. De eerste steen gelegd den 5 Sept. 1902 door D. J. Jongbloed. Het Bestuur: D. T. Jongbloed, v.z., T. T. Jorritsma, sec. B. G. v. d. Leij, penn., G. T. Atsma,. pl.v. W- de Jong, architect. De twadde: De Commissarissen: F. A. de Jong, W. G. Atsma, W. G. v. d. Leij, pl.v. R. de Vries, aannemer- . De Takomst. Sa binne wy den oan d' ein fen üs oanteikenings kommen. Lang hawwe wy forkeard yn it forline en nou en den wierne wy yn it hjoed. Hwet scil de takomst oan 'e Streek bringe? Wy wiisden al op 'e nije wei, Rykswei 43, en op it kanael. De Streek komt krekt op it krüspunt fen dizze wichtige wegen to lizzen. Sjedêr in goed teiken for de takomst! Jimmer scil de Streek in sintrom bliuwe fen Fryslans prachtich wetterlan. Det wol sizze, it toerisme kin for energike ündernimmers in boarne fen ynkomsten wirde, folie mear noch as op 't heden al it gefal is. Dit allegearre is fen stoflike aerd. Noch mear hoopje ik, det Toppenhuzen en Twellegea geastlik segene wirde meije; det it jongfolk bliuwe scil by de goede traditys, him fen syn öffaers neilitten. Gastfrijens, gollens, ienfald, Fryskens, sjuch, sokke folksdeugden moatte biwarre wirde, hwent dêrmei is in soun stik Germaensk libben bihalden. Mar foaral, lytsens foar God. Dy ommers hat hjar foargeslacht laet troch alle tiden hinne en bistjürt it folk 1 Draei oer 'e Aldfeart Klisjé Leeuw. Nwsbld. yette. Yn det witten kinne hja de takomst rêstich tomiette gean! Bishit. Ik bislüt mei in fers fen Jan fen 'e Gaestmar, oars sein J. J. Hof, makke, do t er mei it skip bv Twellegea lans fear. It is sa karakteristyk for de wündermoaije lansdouwe fen 'e Streek: Hjir binn' we yn 't echte wetterlan, Mei wide, djippe fearten. 3 "t Is wetter, hwet de klok hjir slacht, Yn mar, wiel, poel en sleatten. Hjir boartsje de kröljende weachjes krij oan, Hjir kwêkje de eintsjes yn 't ierst fen 'e moarn, Hjir wachtsje de skippers mei 't seil yn 'e gei, Ef driuwe se as swannen elkoar efternei. Hjir steane de fammen to bjinnen op 't stap, Mei earmen sa roun en mei kopkes sa gnap. Hjir klinke oer it wetter, moarns ier en bvtiid, l)e sangen fen reidmosk en ljurkje sa bliid. Hjir skeare de swealtsjes oer opfeart en wyk, En 't wipstirtsje hipp'let en wipt op 'e dyk. Hjir gounzje de michjes oer 't joun-stille wiet, En ünder 'e wylgen hjar wünderfrjemd liet. Snits. O. SANTEMA. T akeabke üe Streek hat alde pleatsen, en 't scoe de moeite wol leanje, as wy dêr in apart haedstik oan wijden. Wy wize b.g. allin11e mar op 'e Noardein, dêr 't wol in stik ef trije 17-ieuske bouwirken steane (U. G. de Jong, G. W- Atsma en dy, mei it anker 1697 yn 'e foarein). Om 't wy hielendal net yn dy matearje sitte, weagje wy lis der net oan, mar hoopje det in deskindige det ris in kear docht. Sa doarsten wy it biskriuwen fen 'e Streekster üleboerden ek net oan en binne dêrom bliid, det ien, dy 't dêr yn thüs is, det for lis dwaen woe. O. S. I)e üleboerden yn it doarpsgebiet fen Toppenhuzen en Twellegea fen M. LASIS. Troch de ieuwen hinne hawwe de Fryske pleatsen in üleboerd hawn en hat, binammen earen, dit ünderdiel fen 'e skürre in bisünder plak ynnommen. Wy kinne der hjir net fierder op yngean hokfor plak det wier, mar bitsjügje lis blidens der oer det by de biskriuwing fen twa sokke ynfryske doarpen as Twellegea en Toppenhuzen ek in wirdtsje sein wirde kin oer it aldfryske frijdomsen leauwenssymboal, det it üleboerd noch jimmer neamd wirde kin. By it bistudearjen fen 'e Fryske üleboerden, hwêr 't wy den binammen de „forsiering" boppe op it trijehoek-eftige boerd mei bidoele, docht it düdlik bliken, det bipaelde ünderdielen (ornaminten) om sa to sizzen boun binne oan bipaelde kriten. De üleboerden fen üs twa doarpen binne yn haedsaek fortsjintwirdigers fen trije fen dy kriten. Dit komt tige goed oerien mei de lizzing: Toppenhuzen en Twellegea binne yn it wetterlan De trije tipen fen üleboerden yn 'e Streek foarütskoud en lizze krekt op it punt, hwêr 't trije „symboal-kriten" inoar reitsje. Hwet hjirtroch fêst to stellen is oer de bifoltsing fen üs doarpen scille wy üs net oer ütlitte. Plakromte freget in koarte ü tiensetting fen it foarnaemste. Om dyselde oarsaek kinne wy net printsjes jaen fen alle üleboerden ut dizze krite, mar achtsje it better de trije bilangryksten yngeander to bisprekken. Us teikening den lit trije üleboerden sjen, hwêr 't gjinien fen foarkomt. Giet men lykwols op 'e siik den scil men my grif tajaen det der wol gün fen dit soarte binne. Det sit sa: sünt sa n 3000 jier binne jimmer deselde symboalen brükt. De haedsaek dêrfen is fen alder op bern trochjown en ont hjoed de dei ta libjen bleaun. Stadichoan waerd, by it net mear krekt bigripen fen de dingen, ien en oar wol ris hwet foroare. De grounfoarm, sa 't dy neffens üs bitinken wêze moat, is werom to finen troch it forlykjen fen gans üleboerden. Sa binne wy kommen ta it teikenjen fen de hjirby öfprinte üleboerden, dêr 't it aldergreatste part fen de üleboerden ut Toppenhuzen en Twellegea op tobek geane. De stik ef trije, fjouwer oare dy 't der noch binne, kinne ynslüpsels wêze fen oare kriten. De foarm 72 Taheakke: De üleboerden „79 Bylagen „82 N.ft. tt klisjé fen ds. Ploos van Amstel, op side 51, is minlik öfstien fen it Friesch Dagblad. . %