HISTOARYSKE SËGEN VAN GORCUM&COMP.N.V.-UTJOWERS TO ASSEN OFRXSK V SEGEBOEK Frysk Sêgeboek Neiprintsjen, ek fen gedielten, is forbean. RIJKSUNIVERSITEIT UTRECHT 1625 4843 fen S. J. van der Molen Printsjes fen J. Mulders Diel 111 Histoaryske Sêgen Oprjuchte to Snits yn 1800 Utjown mei stipe fen de Fryslce Akademy Yn it jier MCMXLI titjown to Assen fen Van Gorcum & Comp. N. V. (G. A. Hak & H. J. Prakke) Frysk Sêgeboek Fen deselde skriuwer tinne yn it Ijocht fown: Oanteikeningen oer it Fryske boerehüs (Snits, 1938) Utsjuch, in bondel fersen (Boalsert, 1938) Frysk Sêgeboek. dl. I en II (Assen. 1939 en 1940) Fierders wtrdt de ütjefte taret fen: De Friesche Kalenderfeesten Het Friesche boerenhuis in twintig eeuwen Printe yn de boekprinterij fen Van Gorcum & Comp. Oars as ik earst fen doel wier, bringt dit trêdde diel fen it Frysk Sêgeboek de histoaryske sêgen. De leginden biwarje ik den for it fjirde diel, det kompletearre wirde scil fen de sêgen üt de skiften 1, 2 en 3 dy’t ik wilens yette byinoarswile hab. It bistjür fen de Fryske Akademy to Ljouwert hat rjucht op myn tige tank mei’t it foartendaelk ré wier om mei in subsydzje de ütjefte fen dit diel müglik to meitsjen. Teffens bin ik der wiis mei, det de Akademy hjar swide namme op dizze wize oan myn wirk forboun hat. Ta bislüt moat ik yette meidiele, det de bipalingen oangeande it oernimmen fen sêgen ef neiprintsjen dêrfen fensels net jilde for wittenskiplike wirkers. Ik hab der allinne in bipaeld soarte fen journalistyk mei reitsje wold, dy’t oarmans wirk plonderet ta eigen foardiel. It hat my bliken dien, det inkelden dit misforstien hiene. S. J. van der Molen. It Hearrenfean, Rispmoanne 1941. OxmhJin. ynddid. 3. HISTOARYSKE SÊGEN. Side A. It komöf fen ’e Friezen 255 B. Fen keningen en helten 258 C. Oare sêgen oer persoanen 275 D. Skatsêgen 280 E. Fen sjuggers 283 F. Fen foartsjirmerije 288 G. Fen alde foarsizzingen 313 H. Teikens oan ’e loft 324 I. Fen rovers en skarlunen 331 J. Fen alde gebouwen, ensf 344 K. Fen bylden, krusen en stiennen 353 L. Kloksêgen 362 M. Fen nammen 363 N. Fen wapens 372 O. Oare oerleveringen 374 3. HLbto-aAtyi&e dêqen A. IT KOMÖF FEN ’E FRIEZEN. Yn ’e Mid-Fryske, East-Fryske en Hollanske kroniken fynt men gans in tal „sêgen” oer it komöf fen ’e Friezen. Ef eigentlik, sêgen kin men dizze fantastyske forhalen net neame. De meastepart lit klear skine it ütfynsel to wêzen fen kronykskriuwers mei folie fornimstigens en yette mear fantasije. Suver eltse kronykskriuwer hat syn eigen opfetting oangeande it komöf fen ’e Friezen en hwet fierder hja weikomme hwet moaijer fensels. Wy scille dêrom tige hoeden wêze mei it opnimmen fen dizze forhalen en byg. mar slüpe litte de ütfynsels, det de Friezen üt Assyrië komme scoene ef seis üt de Joaden skaeid binne. Hjir folgje dos inkelde sêgen üt de mannichte: Friezen komme ut Ynje. „It barde nei Gods passy en himelfeart, det Sinte Thomas yn Ynje preke. Sa laei dêr yn Ynje in eilan, Frisia neamd, det hjoed-de-dei Benedicta Frisia neamd wirdt, fenwegen syn trêften. Dit eilan binne De 12 Asegen. 17 trije broerren fen fordreaun mei al hjarren slachte en tsjinstfolk. Hja bijoegen hjarren mei skippen op ’e wylde sé en wisten net hwer’t hja hinne farre scoene, oars as dêr’t God, de stream en de wyn hjarren fierden. Mar hokfor wünderlik teiken hat God almachtich troch hjarren dien, det hy hjarren sünder in inkelde tsjinslach yn dit „nederlan” komme liet, dêr’t hja in gaedlik lan founen om dêr to wenjen, en det men nou Fryslan neamt. Dit greate wünderteiken is net êfkomstich fen it gelokkige tafal, mar fen de graesje fen de almachtige God.” Friso, Saxo en Bruno. Yn e tiid fen Alexander de Greate moast yn Ynjen in greate kliber folk it lan forlitte, om’t it koe hjarren gjin iten mear jaen. Under dizze lanforhüzers, dy’t fen it lot oanwiisd waerden, wierne trije broerren, Friso, Saxo en Bruno, dy’t ta oanfierders fen ’e kening oansteld wierne. Jong, moedich en striidber, binne hja yn tsjinst komd fen Alexander de Greate, mar nei twa jier forstoar Alexander en om’t de Asiaten de broerren net lije mochten, üt reden fen hjarren strang biwald, setten hja om it jier 3670 nei de skepping fen ’e wrald wer Öf, om hearen ef lannen to sykjen dêr’t hja by ef yn libje koene. (°P lêst binne hja yn ’e omkriten fen ’e Noardsé oanlanne en om’t hja dêr gjin stêdden, doarpen ef hüzen seagen, tochten hja, it scoe wol in wylde, woaste kontrei wêze. Mar do’t hja op ’e fêste wal stiene, like de groun en de fruchtberens hjarren sa skoan ta, det hja waerden iens om hjir mar to bliuwen. Do bouden hja by in rivier, it Fly neamd, gans greate wenten en stiften in moaije, kostbere timpel for hjarren fornaemste god, Stavo. Hja wennen lang op dit plak, mar om’t de broerren op it lest spil krigen oer it weidzjen fen ’e keppels bisten en oare dingen fen hjarren bistean, woe Friso lotsje hwa’t it nije lan forlitte moast. Lykwols, Saxo en Bruno woene det net en hiene der as jongsten neat op tsjin om foart, marde ljeafde twisken de broerren moast der net troch ütreitsje, seine hja. De séreize. De tocht fen Friso mei syn broerren Saxo en Bruno üt Ynjen forhellet de sêge ek fen, hja hiene in float fen trijehündert skippen byinoar brocht dêr’t hja mei yn ’e Middellanske Sé kamen, by Frankryk en Spanje lans sylden en op it lést, nei in reize fen acht jier en nei’t hja mear as twahündert skippen forspile hiene, mei by de Flystream oanlannen. Friso bisette mei in part fen ’e skippen de kustkontreijen; de o aren sylden troch. Jierren letter gongen de Dutske keningen mei Friso in boun oan, det ynhaldde: Friso scoe dizze lansdouwe ont yn ivichheid yn bisit habbe, mar yn ruil dêrfor moast er de sé-iggen hoedzje. En dêr krige hy den ek wer in heap nuveraerdige rjuchten en hearlikheden for. Friso oan it regear. Neffens de sêge scoe Friso acht en sechtich jier oer Fryslan regearre habbe. Do’t it mei him nei de ein roun, stie hy derby syn folk tige op oan, hja scoene ek nei syn dea noedstean for de Friezene frijdom. Nea mocht dit folk ünder frjemd biwald en twingerij reitsje; nea scoene hja hjarren frije nekken bügje for in frjemde hear. Hy joech oan elts fen syn soannen in krite lan en dizze kontreijen waerden meienoar de Saun Sélannen neamd. Friso waerd yn syn keningsstêd Starum bigroeven. Scharl., f. 3; Winsemius, f. 7; Oudh. en Gest. v. Vriesl., bl. 48; Gesta Fresonum, bl. 120; Die olde Freesche Cronike, bl. 211; Sicke Benninge, bl. 9—11; Foeke Sjoerds, I, bl. 15-23. En sa habbe Saxo en Bruno ófskied nommen fen Friso en binne it Easten yntein dêr’t yet folie lan for wyld laei. Saxo neamde it Sasselan, en Bruno stifte ünder oaren de stêd Brunswyk. B. FEN KENINGEN EN HELTEN. Redbad en Willebrord. Do’t Willebrord op reis wier nei Denemarken, dreau stoarmwaer it skip nei Fostelan, it hillige eilan dêr’t kening Redbad en syn folk de god Foste forearen. Oan him wier in timpel wijd en op ’e fron-eker weiden sniewite kij, dêr’t nimmen oankomme mochte. Ut de wijde boarne koe men wetter helje, mar swijende. Mar Willebrord rekkene net mei dizze heidenske wearden; hy wier sa dryst en doopte yn ’e wijwelle trije bikearlingen en slachte güdden fen ’e hillige kij. Op sa’n died stie de dea en de eilanners forwachten net oars eft de Kristenen scoene hjarren bretalens boetsje moatte mei in hommels forstjerren, de wrake fen ’e goaden. Lykwols barde der neat, hja waerden net dwylsinnich en foelen net dea tsjin ’e groun. Do moast Redbad ütslütsel jaen. Hy hearde Willebrord syn tsjügenis, stie trije dagen yn bistan en frege it oardiel fen ’e goaden. As prêster-asega smiet er it lot en do’t de ütkomst wier, det de runestêven ien fen ’e kerstenmannen oanwiisden, moast dy for it skeinen fen ’e fron-eker mei syn libben boetsje. De oaren liet er yn frede bitsjen. Alcuyn: Vita Willebrordi, oanhelle yn: Wumkes, Bodders, bl. 35—36; Kalma, Skiednis fen Fryslan, bl. 84; Klopp, Geschichte Ostfrieslands, bl. 33. Redbad en de bisskoppen. Wulfram hie de heidenske Friezenkening Redbad troch syn ynmoedich preekjen der ta brocht, det hy him dope litte woe. De kening stie al mei de iene foet yn ’e fonte, do’t hy frege hwêr’t de greatste part fen syn foaralden tahaldde, yn ’e himel ef yn ’e hel. It andert fen ’e bisskop wier: Al jou foarfaers dy’t net doopt binne en net stoarn binne yn it Kristlik leauwe, lije ünder de pinen fen ’e hel. En foart dêroan loek er syn foet üt ’e fonte en forachte de hillige dope. Die Chronycke van Hollandt, enz. Leiden 1517 {. 56, oanhelle yn: Wolf, Ned. Volksoverleveringen, bl. 22; Scharl., f. 46. In oare foarm fen ’e sêge forhellet, det Redbad as gefolch fen ’e striid dy’t Karei Martel tsjin ’e ünleauwigen fierde, op it lést Kristen wirde woe. Hy kaem to Utert, dêr’t Sunte Willebrord him dope scoe. Mar mei de iene foet al yn ’e fonte steande, bitocht de kening him, hy loek syn foet tobek en gyng nei hüs ta. Underweis kaem er lykwols oan syn ein, hwêr’t tüzenen Friezen hjarren troch bikearden. Melis Stoke B. I, bl. 149—176; Scarl. (1597), f. 14; W. Beda, Historia Episc. Ultraj. bl. 26. ed. Buchel, oanhelle yn: Wolf,Ned. Volksoverl., bl. 21. Yn ’e selde trant is de folgjende sêge: It wünder fen in jongfeint dy’t op Wulfram syn bea fen ’e galge rédden waerd, brocht Redbad doch oan it neitinken. Hy utere de winsk om fen Wulfram doopt to wirden, marde bisskop woe net leauwe det dit Redbad tinken wier en hy skreau dêrom in brief oan ’e H. Willebrord om dy syn bitinken to fornimmen. Dizze andere: Ho scoe dejinge leauwe kinne dy’t myn hillige broer net leauwe en bitrouwe woe? Ik hab sjoen det hy boun wier mei in gleone keatling en heard, det hy for ivich foroardiele en forflokt is. Dit liet Wulfram de kening witte, mar Redbad hie derde gek hwet mei en sei: Né, Willebrord kin it net by it rjuchte ein habbe, hwent ik hab fennacht in forskining hawn. ln ingei kaem ta my, klaeid yn in gouden habyt mei in goudene kroane op ’e holle. Dizze trune my oan om my to halden oan it leauwe fen ’e foarteam, det Do’t Redbad dit hearde, sei er: It is ek better det ik de greatste part fen myn foaralden nei de hel folgje as det ik my mei in lyts keppeltsje fen jou Kristenen yn it parredys bijow. ik üntfongen hab. Den scille jo it gouden hüs en paleis birikke det jo skielk yn ’e ivichheid taret is. Dêrom moatte jo moarn Wulfram by jo komme litte en him freegje, hwêr’t de ivige wenten binne dy’t hy jo ünthjitten hat. Kin hy jo det net sjen litte, stjür den fen wearskanten boaden en seinboaden en ik scil hjarren liedsman wêze. De bisskop andere Redbad, it wier de divel dy’t him yn it stal fen in goede ingei forrifelje woe. Dêroan sei de kening wer: Sjuch, ik scil Kristen wirde en my dope litte, as myn god my dy goudene paleizen net sjen lit. Om oan Redbad syn wil to foldwaen stjürde Wolfram in diaken nei it plak det de divel oanwiisd hie. Ut namme fen Redbad gong in Fries mei. Underweis nei Medemblik stie de liedsman dêr al to wachtsjen en hy ünthjitte hjarren, hja scoene ringen de hearlike takomstige wente fen kening Redbad sjen. Hja gongen meienoarren in brede ünbikinde wei lans oan’t hja op in strjitte kamen dy’t üt glêdde marmeren stiennen bistie. Do seagen hja fen fierrens in kostber hüs fen goud en ealstiennen. Yn it hüs üntdieken hja in sierlik-moaije keningssit dy’t glanzge mei in wünderlike pracht. Do spriek de liedsman: Sjuch, dit is de wente dy’t for kening Redbad rémakke is. De hillige diaken skoerde eagen op en sei: As dizze dingen üt God binne, den bid ik de Heare, det Hy se ivich bliuwe litte scil. Mar binne hja des divels, den bid ik de almachtige God det Hy se opslach to neate docht. Hy sloech in krüs en ... . op itselde stuit foroare de liedsman yn in lilke divel, de pracht fen it paleis en fen ’e sieraden forgong ta tüch en tullens en hja stiene midden yn in poel dêr’t hja hjarren mei in bulte lijen pas de trêdde deis üt bifrije koene. Yn Medemblik hearden hja, kening Redbad wier hommels forstoarn. Hja forhellen de bisskop en alleman dy’t it hearre woe, hwet der bard wier en de Fries dy’t mei west hie, liet him dope. Die Cronycke van Hollant, enz., Delft, 1585, f. 56, oanhelle yn Wolf, Ned. Volksoverl., bl. 23—25; Beninga, Voll. Chronyk van Oost- friesl. (1723). f. 47—50; Schar!., f. 46-^9. Do’t Redbad yn 678 wer it biwald krige oer syn ryk, brocht hy it hiele lan oan Nimwegen ta ünder syn regear, det yn dizze stêd waerd yn in poarte in stien üthoud mei it opskrift: Hie finitus regnum Stavriae, det bitsjut: Hjir haldt it ryk fen Starum op, „’t welk ook nog op den huidigen dag daar aanstaat”. Scharl., f. 40. ~’s Konings Haag”. Neffens de „Tegenwoordige Staat” (dl. XIV, s. 352) fynt men to Hollum, op it Amelan, yet de oerbliuwsels fen in alde stins, dy’t kening Redbad yn 690 ta eare „van zynen Afgod Fosto” boud hie, bisteande üt tige swiere Fryske bakstiennen. Dizze oerbliuwsels wirde hjoeddedei (1787) yette „’s Konings Haag” neamd, seit dizze biskriuwing. Sjuch ek: Braaksma, Ameland (berijmde gids), s. 28. Karei en Redbad. Do’t kening Karei mei syn hear yn Fryslan foei, naem kening Redbad fen Denemarken de wapens tsjin him op. Beide bisetten hja in boarch yn it gea fen Frjentsjer mei in greate kloft striders en elts sei, it lan wier sines. Hja makken hjarren op om de slach oan to gean, mar in Fries dy’t wizer wier en ynseach det sa’n striid gjin doel hie, rette de beide keningen oan, om ünskildige libbens to sparjen en stelde ut, it skeel scoe mei fordrach üt ’e wrald holpen wirde. Men kaem oerien, det beide hearen in kriich yn it stilstean oangean scoene; dy’t it langste stilstie, scoe it woun habbe. Men brocht de hearen gear en hja stiene in etmel lang. Do liet kening Karei syn want falie en kening Redbad forweechde hira om him op to krijen. Do spriek Karei: Ha! ha! en lake. Dêrom hjit syn boarch Hachensé. Hy sei: Dit lan is mines. Hwêrom? Redbads ryk. frege de oare. Jo binne myn tsjinstman wirden, andere Karei. O wach! róp Redbad en dêrfendinne hjit syn boarch Wachensé. Do teach kening Redbad it lan üt. Schotanus, Beschryvinge, f. 53—54; Gesta Fresonum, bl. 133; Die olde Freesche Cronike, bl. 224—225; Sicke Benninge, f. 14—16; Douwama, bl. 43—44; Wierdsma en Brandsma, bl. 103. De toalve asegen en it skip sünder riemen. Karei woe in ~ting” (in rjuchtdei) halde, mar det koe er net, om’t der nearne sa folie leech (frij) lan wier, dêr’t hy it rjucht op halde koe. Dêrom stjürde er boaden yn ’e saun sélannen en hjitte om him in frij steed to bisoargjen om it ~ting” op to halden. Do koften hja mei „skette” en mei „skellinge” Deldemannes. Dêr haldde Karei rjuchtdei en liet de Friezen foar him komme en hjitte hjarren, det hja scoene hjarren rjucht, det hja halde woene, kieze. Hja fregen ütstel om foarspraken to kiezen, hwet hjarren tastien waerd. De oare deis hjitte hy hjarren, det hja op ’e nij foar him forskine scoene. Hja kamen en keazen hjarren foarspraken, toalve üt ’e saun sélannen en Karei woe, det hja hjarren rjucht kieze scoene, mar hja winsken ütstel. De deis dêroan joech Karei wer to kennen, hja scoene komme. Mar do biröpen hja hjarren op „needschyn” *), lyksa de fjirde en de fyfte deis. Mar do’t hja de sechte deis yetris om ütstel forsochten en seinen, hja koene hjarren rjucht net kieze, spriek de kening: Nou scil ik jimme trije „kerren” foarlizze: ef det jimme daet wirde, ef det jimme gjin sizzenskip mear oer jimme lichem habbe scille, ef det jimme in skip jown wirde scil, sterkernöch om it ien floed en ien ebbe üt to halden, en sünder riemen, roer en tou. Hja keazen *) In „needskyn” is in needgefal. De Friezen biröpen hjarren op it Fryske rjucht, det twa kear ütstel en trije „needskinen” koe. Do foelen hja allegearre op ’e knibbels del en beaën ynlik. Do’t it gebet dien wier, seagen hja in trettjinde efteroan yn it skip sitten mei in bile (axe), hwêrmei hy tsjin wyn en stream yn nei it lan ta stjurde, oer it skouder. By it oan lan kommen smiet er de bile op ’e wal, dy’t in seadde opwrotte en op it selde stuit üntsprong dêr in boarne dêr’t it wetter heech üt opspuite. Dêrom hjit dit plak Axenthove. En to Eeswei kamen hja oan lan en setten hjarren om de boarne. Hwet de trettjinde hjarren learde, keazen hja as rjucht, mar nimmen wiste hwa’t dy trettjinde wier, safolle hie er fen hjarren wei. Do’t hy hjarren it rjucht ünderwiisd hie, waerd er wei en hja wieme wer mei hjar toalven. Dêrom moatte der 13 rjuchters yn it lan wêze, hjarren fünnissen moatte hja wize to Axenthove en to Eeswei. En as hja it net iens binne, den moatte de saun de seis oerhelje. Sa is it lanrjucht aller Friezen. Schotanus, Beschryvinge, f. 54; Gesta Fresonum, bl. 133—134; Die olde Freesche Cronike, bl. 226—228; Gesta Frisiorum, bl. 297—298; Sicke Benninge, f. 17—19; Jancko Douwama, bl. 44—45; Richthofen, 11, bl. 459. Oanteikeningen. W. Moll bringt it stilstean fen Karei en Redbad yn forban mei de krüsproeve, dy’t easke, det de beide parturen dy’t in skeel hiene, mei de hannen yn ’e hichte by in krüs stean moasten. Hwa’t it earst de hannen sakje liet, ünderst-boppenst foei ef him büge, waerd achte oerwoun to wêzen. (Kerkgeschiedenis van Neder- it skip en rekken mei de ebbe safier de sé yn det nearne lan to bikennen foei. Do sieten hja tige yn ’e lytse loege, mar do spriek ien fen hjarren, dy’t üt Widekenis slachte wier, de foarste asega (rjuchter): Ik hab heard, det God, üs Heare, do’t hy op ’e ierde wier, toalve learlingen hie en hy seisde trettjinde wier, det hy ta hjarren kaem by tichte doarren en hjarren treaste en learde; hwêrom bidde wy net det hy üs in trettjinde stjüre om üs it rjucht to learen en wer nei it lan ta to fieren? land voor de Hervorming, I, bl. 478). Lykwols wirdt der yn ’e sêge hielendal net praet oer mei de hénnen yn ’e hichte stean; dêr stiet allinne: „.... dat ma hit op dae twier Koningen ioed, hockra oerem oen stilla stalle wrstoed, dat hi dat land winnen hede. Dae brochte ma dae heran to gaera, ende hia stoeden en eetmel allomme.” Hwet de namme Wachensé oanbilanget, Von Richthofen tinkt (11, bl. 419), det dit itselde is as Wakens in ütbürren yn Baerderadiel. Wumkes (Bodders, bl. 39) seit: Dizze saga dy’t fêsknotte sit oan ’e nammen Hakens en Waeksens is grif üt ’e Frjentsjerter kontreijen; hwent it slot fen ’e saga giet oer Akens en de Eswei by Bajum en Kalda del (= Keallehei = Decama = Sjaerdemahüs). Oer de sêge fen it skip sünder riemen skriuwt Wumkes, det der in heidenske en in kersten-oanklank yn is. De axe (= houtene bile) makket it attribüt fen Wodan yndachtich. De sit om ’e hillige boarne docht tinken oan ’e Urdar-welle, dêr’t Balder, Odins soan, it rjucht wiist, en oan ’e mythyske stof üt de Edda, dêr’t Odin toalf Aesir yn Asgard ta prêsters oanstelt. „Ek dy namme Widekenis is alhiel opmerkelik en men kin net neilitte him yn forbining to bringen mei de greate Sakser Widukind en ek mei Decama. Det dizze heidenske saga in kersten-omwirking ündergien hat, is tige wierskynlik” (Bodders, bl. 40). De sêge is lokalisearre to Zeeryp by Loppersum („’t Riepster Licht”), alearen Fryske groun. De Magnusfane. Friso, de stamfaer fen it Fryske folk, hie üt ’e fiere lannen dêr’t hy fendinne wier, twa tige dingen meinommen dy’t in wündere krêft hiene: in read findel en in izeren kroane. Dy hie hy fen syn heit krige en dy hie se wer fen syn heit Ragau erfd. Ragau hie se oerkrige fen syn foarfaer Sem, det se wierne as in dj ure skat fen slachte ta slachte oergien. Beide waerden yet lang dêrnei yn Fryslan biwarre, yn ’e timpel fen ’e goadinne Tamfana, oant einlings in kening fen Denemarken de Friezen de izeren kroane üntröve en se mei nei syn lan fierde. De fane koe er lykwols net krije om’t men dy üt foarsichtichheid djip yn ’e groun bistoppe hie. Do’t de Deenske foarst weitein wier, Do’t nou de hillige Willebrord him nei Fryslan joech om dér it Kristendom to preekjen, stjürde God him in ingei yn ’e dream, dy’t him it plak wiisde dêr’t dy hillige fane bidobbe wier. De fromme bisskop gong der mei de foarnaemsten fen it folk hinne. Men dolde djip, sa lang det men de fane foun dy’t yette geef en sünder wryt ef slyt wier. St. Willebrord joech him oan ’e dappere Magnus Forteman, de earste greve fen Bentheim, dy’t destiids oer Fryslan regearre. En do namen de saken yn Fryslan wer in kear yn ’e goede rjuchting, hwent de fane hie fjouwer treflike eigenskippen: hja bifeilige tsjin stoarm en tonger en tsjin kweageasten, koe bitsjoening forbrekke en brocht oerwinning en seine, hwent for dizze romrofte fane gongen alle poarten iepen. De tocht nei Rome. Under it regear fen kening Karei de Greate üntstie der to Rome in skeel twisken paus Leo en in stikmennich adellike femyljes, dêr’t it folk yn hiele Itaeljen troch yn opskoer kaem. De Saracenen foelen it lan yn en barnden hiele kontreijen del. By dit opskoer yn Rome kaem men ek de paus to nei do’t hy op ’e tinkdei fen Sunte Markus yn ’e processy roun, om’t men him der fen fortocht det er it folk bidragen hie. Hy waerd slim tramtearre, mar God biwiisde mei wünderteikens syn ünskild. Yn det jier (809) sammele keizer Karei in machtich hear byinoar dêr’t hy mei tsjin ’t oproerige Romen opteach. Hy stjürde syn boaden ek nei Fryslan, det him ek hearrich wier. De Friezen wierne foart ré om for Karei yn it fjild to tsjen. Saun tüzen kriichsljue, de béste fjuchters fen ’e saun Fryske sélannen, foegen hjarren ünder lieding fen Magnus Forteman dy’t de reade fane foarütdroech, by Karei syn hear. Sa kamen de striders foar Rome. Do’t de Keizer op in dei geans oan Rome ta wier, liet er syn hear ütrêste en hwet bikomme. Sa gau as it folk fen Rome det yn ’e bleau se dêr yette forskate hündert jier lizzen, sadet men suver net mear wist det der in reade fane west hie. noas krige, teagen hja ta de stêd üt om Karei oer ’t mat to kommen. Marde Friezen waerden det wiis en repten hjarren ünder Magnus Forteman, dy’t de hillige fane seis droech, it hear fen ’e fijan tomjitte, det hja nei in bloedderige striid alhiel forsloegen. Hja stoarmen de flechtsjende Romers sa fiks efternei, det hja mei hjarren yn ’e stêd rekken. Dêr waerden hja de fijannen oermansk en sloegen safolle Romers tsjin ’e groun, det men by Sunte Piters Dom oan ’e ankels troch it bloed wadde. De Friezen planten do as oerwinners de fane op ’e Ingeleboarch en op Sunte Piters Paleis. Dêrnei koe it hear fen Keizer Karei feilich de poarten fen ’e stêd yntsjen. Ut tank for hjarren heltemoed en dryste dieden neamde Karei alle Friezen hearen, alhowol hja fen to foaren neat to sizzen hawn hiene. Fierders bea er hjarren goud en moaije weefsels oan en woe er seis hjarren skylden mei silver en read goud bislaen litte. Mar Magnus wiisde alle geskinken óf en keas hwet betters en alle Friezen foelen him dêr yn by. De saun Magnus-kerren. Hwet Magnus keas, det wier, det alle Friezen frije mannen wêze scoene, sa lang as de wyn fen ’e wolkens waeije en de wrald stean scoe, en yet seis oare kerren. De saunde ker wier, det paus Leo en kening Karei him in segele brief meijoegen dêr’t hja yn skriuwe moasten: saun kerren, sauntjin kêsten, fjouwer en tweintich lanrjuchten en seis en tritich seendrjuchten. Do’t dit brief ré wier, wierne de Friezen tige bliid. Hja kamen foar de paus en de kening. De paus joech Magnus it brief en stie der him earnstich op oan, det de Friezen hjarren der sa ynlik oan halde scoene as hja de namme fen Kristenen winsken to dragen, en wiisde him der op, det hja nou oan it Südlik rjucht en oan ’e Südlike hear hearrich wierne, wylst hja allegearre earen ta it Noardske keninkryk biheard en allegearre heidenen west hiene. Magnus syn omskot. By de striid yn Rome waerden in heap kriichsljue dy’t fallen wierne, bidobbe yn in küle by it paleis fen Nero. Paus Leo en kening Karei lieten yn oantinken oan ’e ierdsingel Michael op det sté in tsjerke sette. Do’t it hear wer nei Frankryk sette, wierne der ünder it kriichsfolk trije Fryske ridders, dy’t it lichem fen Magnus founen op in sté det Fondi neamd waerd. Hja wierne fen doel om it lichem fen de H. Magnus mei to nimmen nei it heitelan en it to balsemjen, mar do’t hja by Sutri komd wierne, barde der in wünder: hommels koene hja it lichem net mear risse. Hja rekken slim fen ’e wize en de nachts dêroan waerden hja yn ’e dream formoanne. Opslach kearden hja yn in geast fen démoedigens mei it lichem fen de hillige nei Rome werom. Om hjar frommens waerd hjarren tastien om in earm fen it hillige lichem of to nimmen. It omskot seis waerd efterlitten yn in küle, dêr’t in tsjerke oerhinne boud waerd. De Fryske ealljue bisleaten om alle jierren in fiks stik jild oan dizze tsjerke to forearjen ta de forlossinge fen dejingen dy’t op dit plak omkomme en bigroeven wirde scoene. Hja makken dêrby it bitingst, det al dejingen dy’t üt hjar lannen wei de tsjerke fen Sunte Michael ef Sunte Magnus bisykje scoene, ryk ef earm, in Onderkommen fine scoene yn ’e gasthüzen dy’t hja njonken de tsjerke boud hiene. Do’t Magnus it brief fen ’e paus oannaem, helle er in geastlik liet op en song fen: Kristus, üs genede. Kyrie eleison! Hjirnei forlieten de Friezen it Roomske lan en Magnus brocht it brief binnen de Fryske grinzen. Det lies men to Almenum yn Sunte Michels Dom dy’t dodestiids fen hout en mei reid ditsen wier. Dêr lies men üt it brief VII kerren, XVII kêsten, XXIV lanrjuchten en XXXVI seendrjuchten, alle Friezen ta lof en ta eare. En hja teagen nei Fryslan en leine de earm fen de H. Magnus as in wijd oantinken yn ’e Dom fen Almenum del. Die olde Freesche Cronike, bl. 231—232; Thet Freeske Riim, bl. 15; Sicke Benninge, f. 20—21; Scharl., f. 72—74; Schot. Beschryvinge, f. 54—56; Douwama, bl. 52; Richthofen, Rechtsquellen, bl. 440; Oudheden en Gestichten v. Vriesland, I, bl. 9; Iduna, 1847, bl. 115—117. Hwèr't de Magnusfane leit. Ut in oanteikening fen Jancko Douwama docht it bliken, det yn it 16e-ieuwske Fryslan de Magnusfane yette net üt it ünthald fen ’e minsken wei wier. Hy skriuwt ü.0.: „Van de scoenheit ende costelicheit van dese fane daer heb ick foei aff gelesen, en noch meer van gehoert; en oeck sechtmen, dutter weder gefunden sul worden en duer sal voele wunders mede bedrewen worden.” Lang forlyn waerd de fane forbirgen, det der wier gjin ien dy’t wist to sizzen hwêr’t hy wier. Ek hjoed de dei wit men net hwêr’t de fane leit; wol wit men det hy yn in tsjerke bimitsele is, mar net yn hokker. Do’t de Friezen nei it Sasselan teagen, waerd de fane by mirakel foun; dêrom seit men, det hy nou ek wer foun wirde scil, as de tiid fen ’e genede komme scil, skriuwt Douwama. Hy forhellet den, det der wol üthalden is, de fane scoe yn ’e tsjerke to Almenum bimitsele sitte. Yn ’e Noardside fen dy tsjerke wier den ek in plak teikene det wol hwet wei hie fen in relikwykastke, mar do’t de Sassen it iepenbritsen, founen hja neat. Douwama leaut den ek net, det Almenum it rjuchte sté is en seit: „Nu heb ick wal dusent mael gehoert, dat he to Born (Aldeboarn) inde kercke bemuert solden wesen van olden luden. Insgelijken heb icket wal gehoert, dat he solden bemuert wesen to Fernewolt (Ferwalde).” Jancko Douwama’s Geschriften, bl. 50—51. Fryslan fen ’e Franken forovere. De Fryske kening Beroald wier in rjuchtfeardige en goede foarst; hy tocht der net oer om to oarlogjen en yette minder om frjemde lannen to foroverjen. Hy bisocht allinne mar om syn ryk to warjen tsjin de fijan en om de frede binnen syn grinzen to bihalden. Marde ünbitroubere Franken lieten him net gewirde en diene mei de Friezen lyk as hja ek mei oare lannen diene. Al earder hie dit bigearige ünedele folk, sabeare om it Kristendom to hoedzjen, ynfallen yn Fryslan dien en mennich goe-Fries wier troch falske wapens fallen; mar ek kening Dagobert, Clotharius syn soan, hie syn libben dêr litten en om dy syn dea to wreekjen foei er mei in kriichsmacht fen kom-sa yn Fryslan. Yn Westergoa by it doarp Ingelom kaem de eale kening Beroald kening Clotharius al yn ’e mjitte mei de wirden: Ah, du alde skiere bolle, bistü dêr seis?, hwent him tocht, hy scoe mei Clotharius wol op ’e selde wize öfrekkenje kinne as mei Dagobert. Hy woe him yn gjin gefal bügje foar de Franken; den wier er ljeaver dea. Marit lok wier him net mei; kening Beroald rekke der ünder en it hiele lan kaem ünder de Frankyske twingerij. En dy wier sa great, det Clotharius liet alle manljue fen kant meitsje dy’t greater wierne as syn swird. Wins., Chron. v. Vriesl., f. 52. Sterke Jodsert. Om it jier 47 nei Kr. hinne libbe der yn Fryslan in moedige ridder, Jotsardus Jotsa Sterkeman, ek wol Idsert Jetse ef Jodsert neamd, in man dy’t öfgriselike krêftich wier. Men neamde him den ek trochstrings de Sterke Man. Douwama is der lykwols mei oan en seit birêstend: „Watter an zeij, Godt ist, de al weet.” Hy wier likernoch acht foet lang, koe yn eltse han in tonne mei bier 230 trêdden fier drage en den naem er ünder de earms yet in tsiis om de tonnen fen ’t liif to halden. Ek koe hy twa manljue oer in heale myl fier op syn earms drage. Yn it jier 49 bea er Claudio, de fyfte Romeinske keizer, syn tsjinsten oan, dy’t syn moedigens tige op priis stelde. Do’t syn hynder yn ’e kriich yn ’e bealch stitsen wier, det it as in wyld oer it slachfjild fleach, sloech hy it mei de füst kroandea en teach do wer op ’e fijan los. As hy lilk wier, doarst gjin minske him ünder ’e eagen komme. Letter neamde men in Fries dy’t hwet mear yn syn bouten hie as in oar, in sterke Jodsert. Sterkeman is op ’t lést troch forgif oan syn ein kommen, det de Keizer tige moeide. It Aade Friesche Terp, bl. 24; Fr. Volksalm., 1863, bl. 60—61. Hidde de reus. Yn ’e tiden fen Karei de Greate libbe der in Fries dy’t Hidde hiet, in greaten krêftigen keardel. Hy gong nei it lan fen Brunswyk en waerd dêr fen ’e hartoch oansteld as taforsjuchhalder oer syn bosken en beammen. Do’t dizze Hidde ris troch de wyldernis roun, foun er in liuwinne mei hjar jongen yn in nést. Hy brocht dealde om en naem de jongen mei nei it hof fen syn master dy’t er se as „jonge wolven” oanbea. De hartoch seach foart wol hokfor bisten er foar him hie en hy wier sa yn ’t skik mei de ienfald fen dizze man dy’t gjin liuw fen in wolf ünderskiede koe, det er him forskate stikken lan yn ’e omkriten fen ’e Elbe joech. Dêr boude de Fries in wente en hy neamde dy nei himsels: Hiddesikker. Corn. Kempii de situ, origine etc. Frisiae, p. 236; Winsemius, Gesch. van Vrieslant, boek 111, f. 93; Grimm, Deutsche Sagen I, bl. 420; Wolf, Niederlandische Sagen, bl. 307. As derby Terherne in skip yn ’e mar fêst komt to sitten, sizze de Terhernsters: it sit op ’e dyk. Dy dyk, det is de heimsinnige Gravinnewei, dêr’t folie oer skreaun en yette mear oer praet is en dêr’t it yet lang net fen fêst stiet hwet it eigentlik west hat. Neffens it sizzen roun de Gravinnewei fen Aldeholtwald (bisuden de Tsjonger) nei Nes (by Akkrom); dêrwei it Westen yn by de Meinesleat lans nei Terherne en Jongebürren, de Snitsermar troch ont by de Roaspóllen, oer de Grienedyk bi-easten Offenwier, de Houkesleat, Toppenhuzen, de Wite Brekken, de Easter-Wimerts, by Oasingahuzen lans ont binoarden Heech en dêrwei oer de Gaestmar en by Nijhuzum lans nei de Noardkant fen it Fliet by Warkum en sa op Starum yn. Neffens de folksmüle hat yn it skiere forline in gravinne dizze wei oanlein. Marin oare opfetting sprekt fen de grevewei (de wei fen de greve), wylst de namme ek wol lezen wirdt as: de gravene wei, in dyk dos dy’t groeven is. In ald-Frysk rymke seit: Dy graeva wey Rint uwr flus en kley. Mr. Ph. van Blom hat yn de Fr. Volksalm. van 1886 syn bitinken sein oer de namme en it wêzen fen de Gravinnewei. Hy leit de namme üt as de wei fen de greven, dêr’t men troch it forlizzen fen de klam in gravinne fen makke hat, en neffens him is it in tige alde hannelswei fen Starum nei Koevorden ef Keulen, dy’t hoede waerd fen de greven. Yn 1885 en yn 1911 is de wei for in part skiekindich ündersocht. De hear Dokkum, to Snits, is dêrby ta it bislüt komd, det de Gravinnewei in diluviale rêch is, allikens yn foarkommen en gearstalling, mar forskillend yn izergehalte. Fr. Volksalm. 1886, bl. 38, 1887, bl. 158; Scheltema, Geschiedk. onderzoek van den koophandel der Friezen, dl. 6, 2e st., bl. 68, 147; De Vrije Fries, 1913 (dl. 21). 18 De Gravinnewei. Efter Dongwier (Domwier) rint in wei, dy’t men de Gravinnewei neamt. Dy wei rint oan de iene kant oer Grou nei de Drachtster kant, oan de oare side nei de stêd fen Warten. Hy waerd oanlein fen in gravinne Ada (?). *) Forlykje ek: de Prinsessewei, in bank fen hirde, reade oer, dy’t dwers troch de boaijum fen de Grouster Ie rint **). *) Hs mearkes en sêgen, portef. D, ald-archyf Selskip (158); **) Winkler, Friesche Naamlijst, bl. 296. Frouljue rédde Ljouwert. Op ’e tinkdei fen Sunte Simen en Juda habbe op in kear, tiden forlyn, fijannen de stêd fen Ljouwert oerfallen. De manljue wierne krekt der op üt tein, marde frouljue lieten it net sitte; hja pakten op slach de wapens, bisetten de wallen en teagen sa dryst op ’e fijan óf, det dy fol skamte de wyk spylje moast. Yn ’e 16e ieu waerd dizze dei alle jierren yette feestlik to Ljouwert bitocht. Com. Kempii de situ Frisiae, p. 31. Fammen rédde Frjentsjer. Yn alde tiden waerd Frjentsjer bilegere fen in machtich hear. De stêd wier nou just net sa sterk, mar it kriichsfolk det de wallen fordigenje moast, stie de manhaftigens op it wêzen skreaun. Do’t it de fijan net slagge om de stêd yn to nimmen, waerd bisocht om him troch üthongerjen yn ’e macht to krijen. Marde Frjentsjerters haldden hoek en yn it hear det foar de stêd laei, waerd it jild krap: it drige op reboelje üt to draeijen. Mar hieltiten slagge it de oerste om de soldaten del to bêdzjen, mei’t er hjarren op ’e tók haldde mei it plonderjen fen ’e stêd. Ringen kaem der hongersneed yn Frjentsjer en it folk waerd wanhopich. Do’t it op in slimst wier, forskynden der twa fammen De hearen like dit skoan ta. De fammen smieten de breaën fen ’e wal óf mids de fijannen en rópen: Sokke brek. Marde soldaten forstiene det hja rópen: Sokke gjin brek; hjarren gedild rekke op, hja makken reboelje en de oerste moast it biliz opbrekke. Sünt steane bisiden it Frjentsjerter wapen gjin liuwen, mar fammen. Fr. Volksalm. 1854, bl. 72. Do’t Dokkum ris bilegere waerd en de Dokkumers o sa krap iten hiene, skeaten hja in heal brea oer ’e wallen. De fijan tochte do: dêr is noch wol, en sette óf. Folksmüle. Pref. dr. A. J. Barnouw bisprekt yn „Eigen Volk” (Jann. 1939) de oerlevering fen Lochems bihald. Hy wiist dêr yn op it boek fen G. Pitré „Stratagemmi Leggendari di Citta Assediate”, (Palermo, 1904) dêr’t forskate midsieuwske lezingen yn byinoarbrocht binne fen it forhael oangeande in bilegere stêd hwerfen de boargers de fijan foar de kroade ride mei him foar to gucheljen det hja safolle iten binnen de mürren habbe det it kin net op. ’t Doel is, det de fijan, op e doele brocht, him öfjaen scil. Under dizze listen is ek dy fen it bakken fen bóllen ef koeken fen it léste moal det men hie. Pitré hat biwiisd, det dizze forhalen folie &lder binne as de midsieuwen. Hy foun lyksoartige forhalen by Herodotus, Thucydides, Frontinus, Valerius Maximus. Frontinus hat seis in „Strategematon” skreaun om de bifelhabbers gelokkich to meitsjen „met voorbeelden van list en beleid, waardoor bij hen de vaardigheid in het bedenken en uitvoeren van eendere listen mocht worden aangewakkerd.” Pref. Barnouw achtet it net ünmüglik det sokke klassike listen ek yn praktyk brocht binne. yn wite klean foar de elderman, dy’t beide in brea droegen. Dizze breaën, o hearen, sprieken hja, binne de léste dy’t üs oerbleaun binne. Hja kinne net tsjinje om it langer üt to sjongen, allikemin om de hongersneed to forlichtsjen. Us doel wier om op ’e wal to gean en dizze breaën de fijan ta to smiten. Den scil er tinke, det wy gjin krapte habbe en it biliz opjaen. Greate Pier. Fen dizze Fryske frijheidsstrider, „de forwoaster fen ’e Denen, de wrekker fen Bremen, de oanhalder fen ’e Hamboargers en it kriis fen ’e Hollanners”, wirdt forhelle, det er to Kimswerd, dêr’t er boer wier, wylst er oan ’t ploegjen wier, oanroppen waerd fen in stikmennich frjemden, faeks Saksers ef Bourgonjers, dy’t wol ris mei Greate Pier „wrakselje” woene. Hja hiene in heap fen him heard, mar koene him net. Dêrom fregen hja oan in boer dy’t op it fjild oan it wirk wier, hwêr’t Greate Pier wenne. De boer, Pier seis, krige do de ploege by de stirt fêst, tilde him op, stiek him rjucht foar him üt en wiisde der mei nei syn wente, wylst er sei: Dêr wennet Greate Pier en hjir stiet er! Mei joech er elts sa’n trewinkel mei de ikenhoutene ploechbalke, det de fiif frjemden der hinne siichden om net wer oerein to kommen. By eltse slach rop Pier: Fal, en dêrtroch hjit it stik lan dêr’t dit barde, yet altiten Fivefal. Folksmüle; yn likemóch deselde foarm by W. D. I, bl. 59 en: De Friske Hüsfrjeun 1852, bl. 138—142. Fen in nuvere moeting dy’t Greate Pier yn 1519 bilibbe, forhellet de kronyk fen Petrus Thaborita: „Item dese grote Pier begonde alte wonderlike stuk, bynae een iaer voer syn doet; het gheuyel int jaer van 19, omtrent sinte Marten, dat die Vorst van Gelre die seynenschip luden onboet tot hem te commen; want hy wolde en toech doen yn lant van Cleeff; mer sy en bedreuen nyet. Inder tyt woende hier toe Sneeck, int Heeren hof, een droncke mensche, ende was hoer arbeitsman, ende was een half narre; ende sij boerden daermede in iock ende sy noemden hem te wesen Myn Heer van Nichlenborch; ende onder deese reyse dat Pier mit sin volc wt was, doe worden dese schemel Heer van Nychlenborch doet gheslaghen van die ondercock int Heren hoff; ende grote Pier mit syn volck en wyste hier nyet van; ende doe sy voer Emerick gheweest hadden, ende waren weder Archief v. Vaderl. enz. geschiedenis 2e st., bl. 262—263. Yn it lést fen 1519 hong Greate Pier dy’t foar ’t forstan krige, det de Geldersken him by de striid om de frijdom fen Fryslan foar ’t soaltsje hiene, syn ünbidich great swird (lang 2.15 M.) oan ’e balke en libbe oan syn dea op 28 Okt. 1520 ta stil to Snits, dêr’t er yn ’e Sunte Merten bigroeven waerd. Men wol ha, det Greate Pier syn swird dellei, do’t it sjitten mei fjürwapens yn swang kaem, om’t er fen bitinken wier det der nou mei it fjuchtsjen gjin eare mear to biheljen wier. ~In jonge koe nou in man deadzje.” Feit is, det sjitark mei kügels en boskrüd al foar Greate Pier syn tiid yn gebrük wier en ek, det er him seis der ek fen bitsjinne hat. De Frïske Hüsfrjeun 1852, bl. 142; W. D. I, bl. 59. C. O ARE SÊGEN OER PERSOANEN. Sterke Jerke. Yn ’e foarige ieu wenne der yn Harkema in öfgriselik sterke jongfeint, dy’t gans yn ’e bouten hie. Hy waerd altiten Sterke Jerke ghecommen opt ouer van den Ryn, ende solden ouer varen, off sy waren ouer gheuaren, des morgens in der dagheraet, doe quam dese Greeue van Nychlenborch, of die viant in syn schyn, daer tot grote Pier, ende spraeck hem toe. Doer Pier hem sach, do seide hy: Sich, Greeff! bistu daer? ende hy nam hem by der hant ende vraechden hem, waer hy wolde? Hy antworde weder: Nae Myn Heer toe. Ende Sybrent Hertmans inder Ylst, een Hoeftman van dye zeenschippen, had hem oeck byder hant. Ende doe sy te huys quamen ter Sneeck, ende hoerden dat hy doet was, soe verwonderde sy hem altesamen te mael seer, ende worden daervan verscrycht, ende grote Pier was binnen iaers doet, alst vorscreuven is. Ende Sybren Hertmans waert voer Hassel gheschoten ter doet, binnen twe jaren. neamd en nuvere forhalen gongen der oer him om. Hy wier feint by Binnert Japiks op ’t Bomkleaster en dêr loek er seis wol de weinen mei hea en alles en koe it skoan sünder hynders óf. Op in kear wier er oan ’t ploegjen, do’t in reizger him nei de wei frege. Sjuch, sei Sterke Jerke, dêr moatte jo wêze en mei naem er de ploege op en stiek him mei ien han rjucht foar him üt! Dit wirdt ek wol sa forteld, det ljuwe nei Jerke seis fregen, wylst er foar syn hüs oan ’t ploegjen wier. Hy sei do: Sjuch, hjir stiet er en dêr wennet er, en wiisde der mei de ploege hinne. Do’t Sterke Jerke to Ljouwert ünder tsjinst laei, tilde er by de Kaserne ris in gewicht fen 1700 poun op en hy scoe det om ’e Kaserne hinnedrage, marden woe er frij fen ’e tsjinst. Fensels koene de ofsieren dêr net op yngean. Oaren sizze, dit barde op ’e Helder, dêr’t Jerke by de marine laei. Hy tilde do in anker fen 1400 poun op en sei, hy scoe det om ’e stêd hinne drage, marden moast er net langer mear hoege to tsjinjen. Op Hamster marke wierne ris in pear jongfeinten tige balstjürich. It scoe hast op in fjuchtsjen gean, mar do oppenearre Sterke Jerke him. Hy sei: As jimme fjuchtsje wolle, hjir is in man, en mei krige er mei eltse han ien by de kladden en sloech de feinten ris fiks tsjininoar oan. Dy woene it do wol leauwe! ]j Ek stiet fen him bikend det er in leppe mei in lange stalle dêr’t men in jonge opsette, rjucht foar him ütstekke koe. 2) x) Folksmüle. 2) Meidieling üt ’e Rottefalle Fraechlist 1937, Volkskunde-Comm. Sterke mannen. Omtrint 70 jier lyn libbe der to Bakkefean in Sterke Ynse. Dy hie ek gjin forlet fen hynders; hy loek seisde dongwein üt it skernesteal. Hy hie in konkerint yn Sjoerd Scheper fen Hoarnstersweach. Feu him wirdt itselde forhelle as fen Sterke Jerke: hy tilde de ploege Meidieling üt Duerswald. Fraechlist 1937, Volkskunde-Commissie. (Forl. de sêge oangeande Greate Pier.) Napoleon yn Fryslan. „Napoleon hat ek yn Fryslan west.” Op forskillende plakken forhellet men, det er dêr mei syn soldaten trochkomd is. Sa moat er de Hege Dyk fen Nijskoat nei Sint Jansgea lans tein wêze, allyksa de ald wei troch Kromhaskerdiken, bisuden Akkrom. Eise Eisinga. Fen Eise Eisinga (1744—1828), de forneamde bouwer fen it planetarium to Frjentsjer, forhelle master Jager to Slochteren (Gr.) om 1882 hinne de folgjende sêge dy’t aldergeloks net mei de histoa- ryske feiten strykt: To Frjentsjer libbe in tige sljucht man dy’t sa kindich wier, det er koe de rin fen alle stjerren. Do hat er yn syn eigen hüs de sinne oan ’e souder skildere en dêr rounen alle himellichums omhinne, krektlyk as it yn ’e werklikheid ek bart, op ’ekrektedistansje fen inoar öf en op ’e rjuchte tiid. Det regele er mei in ürwirk. Sa’n great wünder hie der op ’e wrald yet net west. Fen alle kanten kamen de learde lj uwe der op ta om to sjen hwet hjir ta stan komd wier; en hja priizgen it allegearre en seinen, gjin oar koe ea soks meitsje. Do eangen de ljue fen Frjentsjer, det Eise Eisinga seis it yetris wer en faeks yette moaijer meitsje scoe for in oare stêd. En do habbe hja him de eagen ütstitsen! Ter Laan, Ned. Overleveringen 11, bl. 261. üt ’e foerge, stiek him mei ien han rjucht foar him üt en bitsjutte sa yn hokfor hüs det er wenne. Minne Simens en syn folk. Minne Simens, berne to Wytmarsum yn 1496, seach yn 1536 fen it prêsterskip det er yn syn berteplak waernaem, öf ünder ynfloed fen ’e Lutherske tinzen. As stifter fen it Mennistedom krige hy in bulte oanhang, binammen yn Fryslan, mar ek helle er him de fijanskip fen it regear oer de holle, det him mei de werdopers oer ien kaem skearde en alles die om de Fryske preker yn ’e hannen to krijen. Mar Minne wiste him der altiten üt to redden mei in „mennistestreek”. Sa reizge er ris mei in weinfol folk, do’t hja oanhalden waerden fen manljue dy’t it op Minne forsjoen hiene, mar dy’t him net koene. En om’t hy op it foarkret siet, waerd him frege: Sit Minne Simens ek yn dizze wein? Nou hie er tige it mier oan ligen en om him der foar wei to winen, gong Minne oerein, kearde him ta syn reismaten en sei: Hja freegje eft Minne Simens ek yn dizze wein sit. It andert wier „né” en det wier ek sa, hwent Minne stie op det stuit. Do sei er tsjin it frjemde folk: Hja sizze fen né en de wein koe fierder ride. In oare kear fear Minne mei in sküte fen Boalsert, do’t derby Burgwerd folk stie om him op to pakken. Der wier mank hjarren marien dy’t Minne persoanlik koe en dy waerd dêrom op ’e loer set. Mar do’t it skip by Burgwerd lans kaem, koe de man gjin wird ütbringe oant it to fier öf wier om it yet yn to heljen. Mennisten meije stomme graech swiet, giet it sizzen. Det komt sa: Op in kear scoe Minne for syn broerren yn it leauwe sprekke yn ’e frije loft. By wize fen kansel hie men in fet mei sjerp ré set en dêr stie de preker op to orearjen. Mar Minne wier yet net op ’e helte fen syn forhael, dêr briek de boaijem him ünder ’e foetten en de iverige preker sakke oan ’e mil ta yn ’e sjerp wei. De broerren wisten do mar net better to dwaen en slikje Minne meienoar of om him wer hwet op to kreazjen. Sünt meije de mennisten sa graech swiet. Hjirfendinne is de mennistehimel yet altiten folslein leech, hwent in eardere koster fen ’e formoanje to Ljouwert is dêr doarwarjer en taforsjuchhalder. En hy lit nimmen ta, üt in faeks hwet oerdreaun bigryp fen skjinnens. ’t Is dêr nou ienris skjin en it moat der ek skjin bliuwe! De Friske Hüsfrjeun 1852, bl. 145—146; W. D. I, bl. 62—63. J. G. de Hoop Scheffer wiist der yn it artikel „Mennistenstreken” yn Doopsgez. Bijdragen 1868, bl. 25 en 26, op, det de oerlevering fen de ljeagen yn ’e wein, troch de oersetter fen J. L. Wolzogen’s „Werelose Christen” yn 1676 op namme steld wirdt fen Hans Busscher (ef Hans de Wever), in Brabantsk learer, dy’t him yn ’e 16e ieu to Antwerpen mei deselde streek üt in noedlike posysje rédde. Letter moat it forhael op Minne Simens oergien wêze. Minne Baron van Coehoorn. Fen dizze forneamde fêstingbouwer en kriichsman dy’t yn 1641 berne waerd op Lettingastins by Britsum, wist it folk yet yn ’e earste helte fen ’e 19e ieu to forheljen, det er in earme jonge west hie dy’t yn syn jongejierren op ’e kij paste, dêr’t er letter de namme Coehoorn fendinne krige. Wylst hy de bisten hoede, makke er fêstingwirken yn it lyts en sette legers yn slachoarder op, hwêrby er stokjes ta soldaten brükte. Nou kamen der ris op in kear twa ginneraels lans; hja seagen det wirk en fregen oan ’e alden fen Minne om de jonge oan hjarren of to stean. Under hjarren lieding is Coehoorn do wirden hwet er neitiid wier. Op in kear wier Coehoorn mei mear oaren yn Frankryk kriichsfinzen rekke, mar hy krige op in nacht gelegenheid om mei syn De mennisten wierne ek tige skjin. It lytse tsjerkje fen Minne, in foech kertierke bisuden Wytmarsum, mocht men allinne mar ynkomme as men de learzens ef skoen mei in hanskrobber dy’t bütendoar by in amer wetter stie, tige hoffene. maten üt to naeijen. Om net efter ’e boksen sitten to wirden, sloech er de hynders de hoefizers eftersto foaren ünder ’e poaten. Do’t de flecht üntditsen waerd, stjürde men der ruters op üt. Dizzen, dy’t einlings en to lesten hynsteprinten yn it san founen, tochten, det hja de flechtsjenden op it spoar wierne, mar om’t hja de foetprinten folgen, rekken hja krekt fen hjarren of. De wierheid is lykwols, det Coehoorn nea finzen nommen is yn ’e oarloch. De Friske Hüsfrjeun 1852, bl. 232—233. D. SKATSÊGEN. In silveren flier. Yn Waling Dykstra syn jonge jierren fortelde men yn Fryslan, der wenne yn Amsterdam in rike hear dy’t yn syn hüs in keammerke hie det floerre wier mei trije-goune-stikken dy’t op ’e side set wierne. Dy gounen sieten sa stiif tsjin inoar oan, det de eigener eltsenien frij joech om der ien twisken üt to lüken. Slagge immen dit, den mocht er de hiele flier meinimme en de trije-gounen as sines biskögje. Dit wier wol bisocht, sei men, mar altiten omdoch. Yn Ljouwert wier in gong ünder de groun, dy’t fen de Waech üt ünder de Wirdumerdyk troch nei de Wirdumer poarte roun. Dizze gong siet fol mei wapens en jild, mei’t er oanlein wier for de fordigening fen ’e stêd. Dêrom waerd de tagong yn ’e Waech geheimhalden. Sadwaende hie nimmen ea dy gong sjoen, marde stiennen fen ’e Wirdumerdyk laeine tige roun en as men op ’e rjuchte plakken fiks mei de foet op ’e groun stampte, koe men düdlik de holle klank fen it forwilft fornimme. W. D. 11, bl. 114. It klokje jen Begaerd. Twisken Hallum en de Bilt-parochy’s leit eastlik fen ’e dyk op in terp in fikse boerepleats, dy’t lyk as it opskrift op ’e homeije- By dizze boerepleats fynt men yet ~it ald tsjerkhof” en yn ’e foareker fen det stik lan leit in gouden klokje bidobbe, det üt it kleaster ófkomstich is. It plakje dêr’t dizze skat yn ’e groun sit, is maklik oan to wizen: moarns as de dauwe it fjild, it gêrs en de blommen wiet makke hat, is der op dy eker ien hoekje dêr’t it gêrs en de klaver droech bleaun binne, al waechst it dêr ek like tierich as op oare plakken. Dêr moat it klokje bidobbe wêze, sünt ieuwen al. Lang forlyn habbe trije manljue fen ’e Leije bisocht om it klokje op to graven. Nei’t hja de oerdeis it rjuchte plakje opsocht hiene, setten hja de jouns yn it ljochtmoannewaer de stap nei it ald tsjerkhof. Dêr bigounen hja mei leppen yn ’e groun om to dollen, mar folie fortuten die det yn ’t earstoan net. Hja hiene al in gat makke dêr’t in man yn stean koe en noch wier der neat foun. Hja wierne hast al fen doel om mar mei it wirk op to halden, do’t ien fen hjarren dy’t yet hwet djipper dolde, düdlik it klokje tikjen hearde. Det fitere hjarren wer oan, mar ■— do’t hja tafallich efkes om hjarren hinneseagen, üntdieken hja trije wite skynsels dy’t fen it Hijumer hof liken to kommen. Om’t hja eangen, it wierne de geasten fen trije Begaerder müntsen dy’t hjarren dêr weireagje woene, namen de gravers staf en af hakken op en foelen thüs heal dea fen ’e skrik en efter de püster op in stoel del. De oare moarns wier it gat wer ticht en ek woechs der wer gers op it plakje. Nimmen koe sjen, det derde nachts yn ’e groun dold wier. Men kin fen tinken wol ha, det sünt net ien sa dryst wier en bisykje om it klokje machtich to wirden. It moat mei rest litten wirde. Mar der binne yette mear skatten op Begaerd! Under ’e pleats binne yn ’e groun kelders en dêr lizze gouden en silveren bylden peallen fornijt „Klooster Mariëngaard” hjit. Alearen stie op dit plak it machtige en forneamde Begaerder kleaster det sa’n wichtige röl spile hat yn it Fryslan fen ’e midsieuwen. yn bidobbe. Faker as ienris hat men bisocht om dy der üt to dollen, mar omdóch. Lytse mantsjes strieken der hieltiten in skoatteltsje foar en de oare deis wier der neat mear fen to sjen hwêr’t men de jouns mei de leppe oan ’e gong west hie. Iduna, 1853, bl. 152; id. 1855, bl. 33; T. R. Dykstra, Over Friesche mythologie (Hs). Birime yn: It Heamiel by Gealeboer, fen Waling Dykstra (Frjentsjer, 1850). Goud yn in dobbe. Yn e Franske tiid ried in man üt ’e Walden mei in weinfol jild foar de soldaten üt nei Harns ta. By de Prêsterikker op Feanwaldsterwal rekke der in tsjil fen ’e wein en it goud rügele der öf. In riem mei goudstikken skeat dêrby yn in dobbe. Dy moat der yette yn lizze. Folksmüle. Doafpöt fol jild. To Harns troude in earm matroas mei in like earm famke. Hja bigounen yn in foech hüske hwet nearing to driuwen. Op in tiid hearde de man hwet gestommel op ’e treppen. Hy gyng derhinne om to sjen, mar foun neat. Allinne miende er ünder de treppen yn in tsjuster hok eat to sjen det forweechde. De trêdde kear seach er in wyt ding op det sté en do bigoun er to sykjen. Hy gyng oan it brekken en dollen en foun in doafpöt fol silverjild. Do’t hy fierder socht, üntdiek er in ald naeikistke det er oan syn wyfke brocht. It doaske waerd iepenmakke en bifoun fol goudjild to wezen. Mei hearde men in swiere sucht en nea hat men op ef ünder de treppen mear hwet fornomd. Dêrom tochte men do, det de geast forlost wier. Portef. D, sêgen en mearkes, ald- archyf Selskip. Op in pleats fen Witsenburg by de Birgermar siet jild ünder de stile. Mei in trijepoatterige bok en in stüpertshoanne (ien sünder stirt) hat men it der weikrige. In skat kin net earder üt ’e groun ef der moat in skiep ef in hynder mei wite moanjes oerhinne roun habbe. Folksmüle. Skat by de Skilige Piip. In eintsje foar de Skilige Piip ünder Feanwalden skynde altometsen in ljochtsje yn ’e bosk dy’t dêr do noch wier. De Prüken fen Birgerheide habbe der ris nei groeven. Mar as hja op ’e kiste stieken, sakke dy hieltiten leger en hja habbe him nea krije kind. Folksmüle. E. FEN SJUGGERS. It fisioen jen Yntsje Jans De achtste Desimber fen it jier 1722 wier Yntsje Jans soan to Eastersé yn it hüs fen Hancke Romberts en hy spriek dêr fen Gods hillich wird. Ek hie hy it oer greate striid en oarloch, dêr’t hy in straffe Gods yn seach, „die wy verdient hebben om onzer zonden wille.” De jouns gong er nei hüs ta en do bilibbe hy it folgjende „wonderlyk Visioen of Verschyning”, dêr’t er yn syn forneamd boekje („Een waarachtige Geschiedenis”, withofaken printe en yette to krijen) fen seit: „ komende op de Heere weg, hebbe ik roepen gehoort o wee, o wee, o wee, om my ziende en hebbe ik niet gezien: zo heeft derzelve stemme weder geroepen, o wee, o wee / voor my ziende heb ik gezien drie perzonen van wonderlyke gedaante, waar van ik Jild ünder de stile. zeer verschrikte ende verslagen ben geweest, biddende by my zelven: benadige God ende Vader, bewaar my voor alle Kwaat, weest my Arme zondaar genadig. Doen hebbe ik gesprooken, zyt gy van God zoo spreekt my toe in Godes naam, zyt gy van de Satan zoo wykt van my, doen quam de eersten, blinkende gelyk de Zonne, hebbende in zyn rechterhand een Roede die droop al van den bloede, den tweeden gelyk den dood, den derden het fatsoen gelijk een Krijgsman tot de knien toe bloedig, hebbende in zyn rechterhand een zwaart dat droop al van den bloede, ende hebben geroepen, o wee, o wee, over Braband en Vlaandere, zoo zy haar niet en bekeren van haar zondig leven, van haar stinkende hovaardy, dronkenschap en de vervloekte Afgodery, zoo zullen zy ineen bloedbad vergaan: Doen heeft den eersten gesproken / ziet onder myn rechter arm na het zuidwesten, doen heb ik gezien het hele land vol Ruiters ende Soldaten, tot de knieën toe bloedig. Doen heeft hy gesproken, ziet onder myn linker arm naar het Zuidwesten / doen heb ik gezien dat gehele land vol doden was, doen hebben zy geroepen, 6 we, 6 we, 6 we, over Friesland, God de Heere en kan de verachtingen van zyn Heilig Woord, en de verdrukkingen der armen niet langer verdragen, doen heeft hy gesproken, ziet onder myn rechter arm naar het Noorden, waar ik gezien hebbe, een hooge en verhevene stellagie, op elk hoek uitgesneden met twee vergulden Leeuwen waar op gezeten waaren een groot getal schape-hoeders beneden de stellagie een groote getal vol schaapen, zoo heb ik gezien enige van de herders gekleed met een vreemd habyt, zittende op ’t Noord van de stellagie, hebbende geen groote liefde tot de schaapen hebbende een deel scheerders met alderlei kledinge bekleed, hebbende scherpe scheermessen, waarmede zy de schaapen de wolle afschoren, dat op veel plaatsen het vel mede afging ende het bloed op de Aarden Vloeide, waar op de Schapen zeer begosten te kreunen, tot dat ik zag komen een man gekleed met een vreemde kledinge, hebbende een vierkante hoed op zyn hooft, hebbende een groote Korf beslagen met leer, gaande naar de stellagie, gevende aan de Herders op het tegen haar scheerders te maken, tot dat ik zag komen twee wolven, hebbende een groot deel Vossen by haar, makende een aanslag op de stalle, waar van den schapen met hare herders begosten te vlugten, klagende zeer over haar wrede Herders, tot dat ik zag komen een oude Leeuw uiteen Tuin, hebbende een groot deel Jonge Leeuwen by hem uiteen Tuin komende, besteken met Oranje bloemen, vallende met grote nyd op de wolven met haar aanhang tot dat hy haar met grote nydigheid heeft te rugge gedreven ende verslagen, waar door de Schapen met hare Scheerders begosten weer in groote oneenigheid te raken, ende de wolle begoste weder te wassen / doen heeft hy gesproken: ziet onder myn flinker arm na het Noorden, waar ik gezien hebbe dat de Herders waren bekleed met lange bonte rokken en de Scheerders met lange Mantels, hebbende Houwers op haare zyden, de Schapen waren verandert in Borgers en Boeren, de welke in veele plaatzen in Friesland tegen hare Overheid opstonden. Doe hebben zy geroepen: 6 we, 6 we, 6 we over Duitsland: zo zy haar niet bekeren van haar zondig leven en keeren weder tot eenigheid, zo zal God de Heere haar plagen met driederlei straffe, met Kryg ende Oorlog, dieren tyd ende Pestilentie tot dat zy geheel zullen ondergaan, doen heeft hy gesproken, ziet my onder mijn regter Arm naar het Oosten, waar ik gezien heb een groten Arent met vergulden vedere, die al de vogelen uit de Boomen heeft verdreven en hadde ook een schoone vogel uit zijn nesten en Boomen verdreven, doen heeft hij gesproken, ziet mij onder mijn flinker arm deur, naar ’t Zuidwesten; waar ik gezien heb een groote Leeuw, trekkende naar ’t Oosten, spoude vuur en vlam uit zijn Mond trekkende tegen den Arent, tot dat hij hem ten laatsen overstelpte en overwon, alzoo dat hij daarna den vorigen schoonen vogel weederom in zijn boomen heeft geholpen, tot groote vertroostinge van alle andere verdreven vogelen, dewelke den Leeuwen zeer bedankten. Daar meede hebben zij mij God den Vader bevoolen, beveelende Noord eenige Brieven uit zyn Korf om de zelve wederom te vollen met de bloedige wolle / doen begosten de Schapen een groot oproer mij dit tegen alle menschen te openbaren, zoo zij haar van haar zonden niet bekeerden zoo zullen alle deze plagen na eenige jaren over ons komen, hier mede zijn zij verdwenen, zo ben ik voorts na huis gegaan, leggende op mijn bed, en deeze zwarigheid bij mij zelve overdenkende hebbe ik bij mij gesloten dat ik het niemand wilde openbaren, zoo hebbe ik vernomen een helder klaar ligt, opziende zo heb ik gezien drie Visioenen van waar ik drie zwaare slagen hebbe ontvangen de eene op mijn regter ooge, waar van ik zeer verblind was, de andere twee op die regter zijde. Daar mede zijn zij verdwene: doen hebbe ik dit met grote weemoedigheid des herten, bestaan te openbaren, zoo bidde ik alle vrome Christenen dat zij God den Heere bidden, dat hij de plagen wil van ons wenden na zijn Goddelijke wille. Bij mij Intje Jans zoon, Olderling der Gemeente Jesu Christi, tot Oosterzee en Echten, ende ik ben bereid daar op te sterven.” It himelske gesicht fen Michiel Saeckes. Folie minder bikend is it himelske gesicht fen Michiel Saeckes to Feanwalden, det hy biskreaun hat yn in brief oan ’e Wjerdopers. Op 10 Septimber 1609, om in ure ef tsien, seach Saeckes in great ljocht oan ’e himel, det yn ’e iene han in gleon swird, yn ’e oare in roede droech, en in stim spriek: Gean ta myn folk det myn folk net is en siz it, det it him betterje moat. Do’t de sjugger sei, hy wier dêr ta net yn steat, hearde er neffens syn tsjügenis: „Omdat gij de stem uwes Gods ongehoorzaam zijt geweest, zult gij stom zijn en niet spreken kunnen, tot den tijd, dat de Allerhoogste U wat geeft te spreken. En gij zult niet drinken dan water en een weinig brood. Deze letteren beduiden wat: G, F, D, A, H, I, D, H, D, S, J, D, T, D, G. Zeg dat een ieder tot zich zelven trede, hoe hij in oprechte gerechtigheid wandelt. En nu gij niet vroom wandelt voor mijn heerlijke Majesteit, zal ik u kastijden met deze roede, opdat gij te beter zoudt weten dat ik u toornig ben; nu, deze Michiel Saeckes waerd kjel do’t er seach det it hwet langer hwet redder dripte. Do frege de stim hwêrom er kjel waerd fen det drippen. „Hoe die roede teller druipt, hoe die straffe u harder overkomen zal; nu, zeg daarom uwe gemeente niet alleen, maar ook degenen die vaneen gescheurd zijn: O wee, o wee.” Op ’t lést biklage de ingei him yetris oer syn folk det syn folk net wier, det der gjin oprjuchte ljeafde ünder de minsken wier. En hy rette hj arren oan hj arren riede to litten om de ivige pine to üntgean, wylst er tsjüge ho tige it him moeide, det it folk sokke hirde herten hie, „hirder as in diamantstien”. Saeckes stie er der tige op oan om syn libben to betterjen; syn namme dy’t opskreaun wier yn it Boek fen it libben, scoe der net ütdien wirde. By it ofskied trune er oan: „Neemt malkanderen in liefde waar, zoekt naarstig inde Boeken des Heeren; gij zult bevinden wat deze letteren beduiden.” Michiel foeget hjir yet oan ta: „Hiermede zijt den Almachtige bevolen, en bidt den Heere, dat hij mijne tong roere, opdat ik spreken moge. Ik zoude wel wat meer geschreven hebben van het Goddelijke antwoord, maar ik kan het nu niet doen, de tijd wil het niet lijden.” W. D., bl. 66—67. Foarsizzing straft. Neffens de Ljouwerter Krante fen 8 Okt. 1734 waerd Hiltje Johannes, to Frjentsjer, in „papist”, der fen biskildige, hja hie de winters tsjin in pear bürljue sein, det der scoe yn 1734 in wünderlik merakel barre. De minsken scoene de jouns op bêd gean en, de oare moarns scoe it bloed lans de strjitten rinne en de hollen scoene ta de finsters ütrügelje. 19 roede die hangt u over het hoofd; daar hangen bloeddruppelen aan, die beginnen te druipen op de aarde.” Hja sei, hja hie lichtwol ien en oar forhelle oer printe profesijen fen Jarfke ensf. Hja waerd foroardiele ta acht dagen op wetter en brea. Wumkes, Stads- en dorpskron. I, bl. 84. F. FEN FOARTSJIRMERIJE. Alles foartsjirmet, fortelde my in ald minske üt Lippenhuzen wei det djip yn ’e tachtich wier. „Seis al fait der in blêd fen ’e beam, it foartsjirmet.” Striid by Arum foarsjoen. Yn it jier 1422 wier Dominicus Remenicus abt fen Aldekleaster by Boalsert. Hy mocht ljeaver fjuchtsje as him mei de dingen fen ’e geast drok meitsje en liet de konversen mear mei oarlochsark as mei boerereau omgean. Hieltiten hie it kleaster spil mei Juw Juwingha en de stêd fen Boalsert, mar dêr bleau it net by. Dominicus krige ek mot mei de kleasterbroerren fen Lüntsjerk en it roun op ’t lést op in fjildslach üt. De fjirde fen Simmermoanne rekken de ljuwe fen Aldekleaster slaende deilis mei abt Adam fen Lüntsjerk en syn folk. Yn de omkriten fen Arum foelen oan wjerskanten oardelhündert konversen en oare striders. „Het voorspoock van den voorgeseyden veltslach (vermits die duyvel zijn geneuchte daer inne heeft) meenichmaal te vooren bij Arum ende daeromtrent wel gesien waar.” Marten van Ijlst yn: Fr. Volksalm. 1863, bl. 72—74. In net minder sprekkend forhael docht deselde kronykskriuwer Marten van Ijlst ünder it opskrift: Mei Krystiid fen it jier 1477 haldde Skerne Wibe fen Grovestins in strafekspedysje nei Roardastins to Tsjommearom, dêr’t Johan Roarda wenne dy’t de kleasterlingen fen Lidlum frjeonen fen Wibe min bihannele hie. Skerne Wibe kaem ta syn doel: it hiele röverskastiel waerd delbarnd en Roarda boun him tonei yn. „Corts voor den voorgaande exploite te weeten op S. Thomas dach ende twee daegen daernae zoe hoorde men bescheydelick tot Tzummarum de doeken deppen, een weynich voor daghe inden morgenstond, het volck of dingesetenen van den dorpe, verschrikt wordende, haastich opstaande, doeren ende vensteren openende, zoo saagen zij Johan Roorda stins inden lichten looghe staan branden, ende daerby of omtrente coomende, zoe isset weder vuyt geweest, ende laagen die luyden daerop al tezamen ende sliepen, zijn en yder met verwonderinghe wederomme nae huys gegaen. Itlycke inwoonders die an ende dicht bij de kerck woonden en „Van zeeckere miraculoose geschaften”. Roarda stins inden lichten looghe. hadden van het deppen niet medallen gehoort, maar alleen degeene die alderveerst daer af woonden, die de anderen meede op de been en brachten. Als dit Roorda gesecht ende angediend worde en was hij niet weynich mit der zaecke becommert gedenckende nu meer als te vooren op die dreigementen van Scherne Wybe.” Marten van Ijlst yn: Fr. Volksalm. 1863, bl. 79. De 22ste fen Oktobermoanne 1483 seach men de nachts om twa ure Jansma-hüs op ’e Geast yn ’e bran stean, mar do’t men tichterby kaem, die it bliken, det it inkeld mar sa like hie. Hanskrift Occa Scarlensis, yn: Vrije Fries 1906, bl. 319. Bran fen Heech foarsjoen. Yn Jannewaris, July en Novimber 1495 like it de biwenners fen ’e omkriten en de hüsljue om Heech hinne, net oars ta, ef it doarp stie yn ’e bran. Sa hird as hja koenen setten hja der allegearre op ta, om de loge to dwêsten. Mar do’t hja to Heech kamen, bifounen hja alles yn oarder en der foei fen bran neat to fornimmen. Sa njonkelytsen krigen hja foar ’t forstan, det sokke teikens hwet bysünders to bitsjutten hienen. En winliken waerd it doarp itselde jier noch fen ’e Boalserters plondere en kraeide de reade hoanne oer Heech. Winsemius, fol. 329—330. Bran fen Wommels foarsjoen. De 10de Augustus 1496 habbe de hüsljue by Wommels de foartsjirmerij fen in takomstich ünk lang fen to foaren sjoen. It like hjarren nammentlik ta, det it doarp „inden lichten brand gestaen hadde”. Mar dit is pas twa jier letter ütkommen. Winsemius, fol. 338. Hanskrift Occa Scarlensis, yn: Vrije Fries 1906, bl. 319. Joast Hiddes Halbertsma lit yn ’e skearwinkel fen Joute-Baes ien fen ’e klanten, „domenijs sweager fen Pitersbjirrum, dy by syn beppe yn ’e Bjirrumen greatmakke wier, en as bern folie fen skynsels, bigangels en foartsjirmerij heard hie”, forhelje: „ hwet ’er om 1680 hinne bard is mei Reints Ipes, dochter fen Ipe Jochems en Sipk Brongersma. Hja wier troud mei Tjaerd Poppinga, domenij to Pitersbjirrum, en hie op in nacht, det hja en hjar man to bêd leinen, in alderfrjemdst fisioen. Hja wier heech en dreech, en lyk as sokke frouljue rare ynbyldingen en oankomsten habbe, sa seach hja fen it hege bêd óf yn ’e holle keamer del in deafet oer ’e flier stean. It wier in kordaet wiif, en hja hie moed genöch, om hjar nijsgjirrichheit to foldwaen; fen it bêd to gean, en to sjen, hwa’t yn ’e kiste laei; mar ho great wier hjar ontsteltenisse, do hja hjar seis dêr lizzen seach! Riboskjende fen skrik skodde hja hjar man oan ’e earm om ek ’ris to sjen. De man seach neat, en sei: „Hwet gridzen binne dat, Reints, yn ’t holste fen ’e nacht! Kom mar gauwer ünder de wrine; oars fetteste noch kjeld ta.” Hja gong wer op bêd, mar koe hjar eagen net fen it deafet ófhalde, en sa as se dêrop digere, komt der in man mei in read ünderbaitsje yn ’e keamer, dy in hanfol skroeven fen de skoarstienmantel griep en de kiste taskroefde. Do waerd der in wyt kreamlekken oer it deafet spraet en de dragers kamen en gongen dêr mei wei. Domenij Poppinga, dy neat fen dat alles seach, lake om de ynbyldingen fen pastoarske. „As de frouljue hwette ünder de mütse hawwe, sei er, den is ’t altiten mei fisioenen to rédden; mar aste yn twa stikken fallen biste, ljea’, den sjochste krekt safolle as wy allegearre. En dy man mei it reade baitsje is klearebare gekheit. Hwent yn hiel Pitersbjirrum is net ien, dy in read baitsje draecht.” „Nou, ik hoopje it béste, man”, sei hja, „mar it laeit my sa op ’e lea, det dizze waldreis myn léste wêze scil.” Foartsjirmerije by dümny's. En dat wier dochs misret, hwent hja hie in flotte, makkelike reis, en krige in skoan grou famke, dat mei in üre al oan ’e tate laei en dronk det se püstte. Domenij doopte it Tite, en do hja mei it bern yn it moaije reade kapruft üt ’e tsjerke kaem, sei domenij laitsjende: „Dat is nou it reade baitsje, datstou sjoen haste, Reints. En dy deade is üs moaije poppe, dêrste sa greatsk op biste. Nou sjochste, Reints, in dream moat yn de ütlizzinge altiten omkeard wirde.” Maeije dêrop joech ’er him in timmerman to Pitersbjirrum del, dy in read baitsje oan hie, en sa gau krige pastoarske dy man net yn ’t each, ef hja sei: „Dat is nou de eigenste timmerman, dy myn deafet taskroeve hat.” In jier dêmei wier it wer sa mei hjar. Hja krige in moai boike, dat hja Ipe (Epeus) neamden, mar hja stoar yn ’e kream. Do die domenij alles om it fisioen ta in ljeagen to meitsjen. Foarearst liet er it lyk yn de oare keamer oer ’e ierde sette; mar dat koe net, de pastorijdeaden kamen altyd yn de sliepkeamer to stean, omdet de dragers oars de swaei net mei it fet krije koene. Yn de oare keamer moasten se to koart krieme, en domenij, eft er woe of net, moast tajaen. Domenij liet de skroeven ek yn ’e finsterbank lizze, marien fen de bürren naem se yn gedachten wei, en lei se op ’e skoarstienmantel del. De timmerman mei it reade baitsje scoe as bürman it lyk mei drage, en in pear oare de kiste ticht skroeve; mar dy koene der net to goed mei to rjuchte en knoffelen sa lang om, det de timmerman, dy krekt syn read baitsje oan hie, taskeat, de oare skroeven fen ’e skoarstienmantel naem en de kiste ticht draeide. Domenij woe ek gjin wyt kleed oer it fet hawwe; marien fen de bürwiven gong dit sa oan ’t hert, det hja in amerijke foar det it fet op ’e bier tild waerd, hjar skjinne wite büsdoek oer de kiste spraette, en sa waerd it lyk opdrein”. Rimen en Teltsjes fen de Broerren Halbertsma (Ljouwert, 1918), bl. 395. Halbertsma hat nei alle gedachten as boarne brukt it grif 18de-ieuwske hanskrift: Verhaal van geestelijke droefheid, Hs. 563, Prov. Bibleteek, Ljouwert. Yn ’e foarige ieu stie der bisuden it Dokkumerdjip ünder Westergeast op in terp in alde boerepleats, Beintemahüs. Der wenne in ald enfoarnaem hüsman dy’tfenin sékaptein oansocht waerd om syn soan by him to nimmen en de jonge yn it boerebidriuw op to lieden. De nije hüsgenoat waerd hwet mei ünderskieding bihannele en sliepte yn it romme tryste binhüs, dêr’t de ünderfinsters ek oerdei meast altiten fen ticht sieten, om’t de keamer mei in tichtmitsele skoarstien mear for pakhüs en berchplak as ta wenkeamer brükt waerde. Do’t de jongfeint op in nacht op bêd laei, hearde er hommels hwet lawaei oer ’e flier en seach twisken de bêdsgerdinen troch in deafet tsjin ’e mürre twisken de glêzen stean. Ek seach er in kloftsje folk yn swiere rouwe, dêr’t bihalve syn heit ek oare kinden fen sines by wierne. De jonge krige do moed en kaem fen ’t bêd of; wylst er tichterby kaem seach er det it deafet iepene waerd. Hy roun der op ta en seach der in lyk yn lizzen det er net koe. Hy teach de dryste skoen oan en snie in tüfke hier fen ’e holle fen ’e deade. Det stiek er, mei syn nyft, yn ’e büse. Wer op bêd seach hy det men de kiste tichtskroeve en oantaestte en det de bürljue, folge fen femylje en sibben, him troch de mürre droegen, net yn ’e hoeke by syn bed hwêr ’t de doar wier, mar troch de midden fen ’e mürre dêr ’t oars gjin iepening wier. Do waerd alles stil en de lykstaesje fordwoun. De oare moarns, wylst de jongfeint by it oare folk oan ’e brochjetafel siet, sei ien fen hjarren tsjin him: Hwêr hastou fen nacht yn ’e slach west? Dou bist boppe dyn lofter each in hiele flok hier kwyt. Foart helle hy de êfsniene tüf üt ’e büse en men seach det dy krekt by syn hier kleure. De jonge waerd hjir sa kjel troch, det er, nei’t er forhellehie hwet him dy nachts oerkaem wier, Beintemahüs farwol sei en wer nei sé teach. Foartsjirmerij op Beintemahüs. Nei’t er in jiermennich fearn hie, krige hy op in winter langst nei syn alde frjeonen en kinden. Hy kaem op Beintemahüs, mar rekke dêr siik en stoar. De kiste kaem yn it binhüs to stean en waerd troch de nije doar ütdroegen dy’t de boer yn ’e gevel meitsje litten hie. Under dejingen dy’t de deade mei biierdigen wier ek de grize heit fen ’e jongfeint koartsein, alles kaem krekt sa üt lyk as hy it fen to foaren sjoen hie, Teenstra, Volksverh. en Leg., bl. 164—166. Ek libbet in selde soarte fen forhael yet yn ’e folksmüle to Tsjerkgaest (meidieling T. Bylsma) en to Sanfirterryp (meid. E. B. Folkertsma). Itselde forhael waerd ek forteld fen it Heechhiem to Baerd en in boerepleats to Stiens. (Portef. D, ald-archyf Selskip.) In bigangel op Skylge. Yn de ynlieding ta „Leed en Wille” en „De flotgêrzen” seit dr. J. H. Halbertsma yn de Rimen en Teltsjes d.d. 18 Juny 1854 oangeande it forhael fen it Heksershol ü.0.: „Dêr komme telkes yn foar, dy de ljue nou amper leauwe kinne, det ea leaud binne; lykwol hienen dy sa’n byfal, det sokke treftige ljue as siktaris Elgersma fen Boalsert, nou fyftich jier lyn, it net ünder hjar rekkenen om de allerslimste dy hjir teld wirde, mei eigen han oan to teikenjen. Dêr heart, by foarbyld ünder it Nachtgesicht to Pjittersbierum, de Bigangel op Skiligen en de Bitsjoeningen en Onttsjoeningen to Warns en to Aldegea” (s. 288). Yn ’e ste printinge komt de stoarje fen ’e Skylger bigangel yn dizze foarm foar: „Gosse hie mei domenij op in jounpraetke üt west, do hja om tsjien üre hinne wer nei hüs trapen; it wier tsjuster moanne, mar de wyn waeide üt it noarden en den is ’t altyd ljochter as mei oare winen. Hja rounen in smelle wei lans, dêr amper in wein troch koe, en it wier sa hwette healwei do Gosse skoftich bisiden it spoar sprong en róp: „Sjoch, sjoch, domenij! Kom hjir!” „Hwet sjochste? sei domenij. „Ik sjen neat as wolken.” „Sa klear as de dei sjen ik foar my in bigraffenis”, andere Gosse; „ik sjen in haiwein mei it swarte deafet ’er op, en in swart en in wyt hynzer ’er foar. En dêr komme de frjeonen ek al oan, dy efter it lyk geane. Sjoch! In oar domenij hat de foargong; den folgje jy mei Domenij woe him dy bigangel as franjes üt de holle prate, mar Gosse woe der op swarre, det hy it by dei net klearder sjen koe, as hy it nou sjoen hie by nacht. In fjirtjin dagen dêrnei stoar domenijs wiif oan de reahoun; hwent dy jachte wier do hüsriem op Terschelling. Domenij wenne wol in healüre fen ’t tsjerkhöf of, sa det it lyk ’er hinne riden wirde moast, en om Gosse’ bigangel nou ta in ljeagen to meitsjen, liet er twa swarte hynzers komme, en de lykwein lans in breder wei, in einke fen de smelle leane, dêr de bigangel sjoen wier, nei ’t hóf ride. Sa as de boer de hynzers yn ’e sile sloech, krige it iene bist ongemak en foei del as in stien; men seach oeral om in swart hynzer, mar der wier neat oars to krijen as in wyt, mei in swart koltsje foar de kop. Sa gong it nei ’t hof; mar do se by de brede wei kamen, laei der in greate Noardske balke, dy üt in bütskip oanspield wier, dwers foar de yngong, sa det ’er neat oars opsiet as de smelle leane lans, dêr hja de bigangel metten, dy nou mei it wite en swarte hynzer, en domenij en syn boike oan de han, ta wierheit waerd.” Lykdoar forset. Yn 1865 krige in boer to Poppenwier in bigangel to sjen. Hy seach det in kiste mei in wyt lekken der oer, ta de lykdoar fen syn hüs ütdroegen waerd. Det scil myn wiif net oerkomme, sei er yn himsels. En de oare deis liet er de doar üt ’e mürre weinimme en it gat tichtmitselje. In tydtsje letter forhüze er earne oars hinne. De nijboer op ’e Poppenwierster pleats, Lieuwe Jans, foun de doar mei it kezyn noch biwarre. It tocht him better en gerifeliker det dy wer op syn plak kaem. De doar waerd yn ’e mürre set. Koart dêroan forstoar syn wiif yn ’e kream en hja waerd ta de lykdoar jins boike oan de han; den jins skoanfaer, en nou jins sweager fen Pitersbjirrum.” En sa neamde Gosse de hiele smite, dy mei to hóf gong fen de earste ta de léste op. Seisde frouljue, dy der efter rounen, koe er troch it reinkleed en al hinne. ütdroegen, op ’e selde wize as de foarige boer it fen to foaren sjoen hie. (Halbertsma teikent hjirby oan: „Lieuwe Jans is de zwager van mijnen vroegeren boer Hjerre Durks Hooghiemstra.”) J. H. Halbertsma, Lexic. Fris. Hs. A 599. Dóch ütkommen. Neist in 80 jier seagen in pear minsken oan in reed yn ’e Ikkerwaldster Broek, dêr’t oars gjin passaezje wier, in lyk foar de glêzen lans gean. Tritich jier letter forstoar in man en do’t Piter bakker it lyk derwei ried, skoerde it bist in hage om en sloech üt himsels dy reed yn. It leedfolk seach der nuver fen op, mar men liet it hynder bitsjen. De man dy ’t op dizze wize to hof brocht waerd, wier yet net berne do’t syn lykstaesje al foarütsjoen wier. Folksmüle. Bigangels by Swichum. Op ’e alde modderdyk dy’t fen Swichum nei de Ljouwerter strjitwei rint (de ald-Swichumerdyk; nou net mear yn ’t gebrük, ’t is in „griene dyk” wirden) wier it alearen lang net suver. Der gyng faken nachts in bigangel lans en mennichien dy’t sa ünforsichtich wier en rin sünder erch midden op ’e dyk sünder det er mei de helm berne wier, waerd needsake om foar op ’e lykwein to kladderjenen lans ef oer it deafet det der op stie nei it efterste ein fen ’e wein ta to krüpen. Dêr waerd sa’n immen der öfstjitten en den knoffele er net to sêft op ’e groun. W. D. 11, bl. 217. It wite hynder der foar. Yn ’e Südhoeke ünder Froubürren is it foar lange jierren ris bard, det der in bijierre wyfke in dei by in boer wier to naeijen. Jouns, do’t it tiid wier det hja foart moast, wier ’t in needwaer. It waeide en snijde det it freselik wier. Do’t det oer wier, wier ’t al moai let, mar ’t moantsje skynde en it waerd stil. Dêrom gyng hja de reize mar oan en naem ófskied. De oare moarns founen de boer en syn folk net fier fen hüs it Do’t hja de boer syn reed in eintsje üt wier, seach hja ris efkes om en do wier der in lykwein efter hjar mei in heap folk derby. Fen ’e kjeltme die hja in stap bisiden, rekke op ’t iis en sa oer de sleat hinne op it lan. De lykstaesje gyng hjar foarby en waerd njonkelytsen wei. Hja fortelde derby, det der in wyt hynder foar de lykwein wier, det hielendal gjin brükme is. Hja scoe hjar reis forfolgje, mar al ho’t hja roun, hja kaem net thüs. Op ’t lést hie hja hjar fen wirgens yn it lan deljown. It die bliken, det hja hieltiten yn it roun gien hie. Ut it gesicht miende men opmeitsje to moatten, det it net ien üt ’e boer syn hüshalding gou, hwent dy boer hie seis net in wyt hynder en as immen yn it boerelan stjert, moat de neiste boer in wein mei twa hynders skikke. Dêrom, tocht hjarren, scoe der wol ien üt hjar bürman syn hüs stjerre moatte. Marit bleau in bjuster stik, om’t hja hiene wol oare geskikte hynders as det wite. In poas dêrnei kaem de boer dy’t it wite hynder hie doch to stjerren en de neiste bürman moast de lykwein ride. Do’t hja mei it lyk feu ’t hiem öfrieden bigoun ien fen ’e hynders op in alderfreselikste wize to skoppen en to springen en woe net fen it hiem of, hwet men der ek oan die. Op ’t lést sloegen hja ien fen ’e forstoarne boer syn eigen hynders der foar, mar it gong al krekt allyk: it tjirge him net minder mal as it oare. Yetris in oaren waerd probearre, alwer krekt lyk. Nou wier der for det pas net ien mear det men brüke koe as det wite en der wier mar neat oan to dwaen, men moast ta de wite komme. En do’t dy foar de wein wier, gong ’t sa flot as ’t mar hoefde. Waling Dykstra, yn: Hs mearkes en sêgen, portef. D., ald-archyf Selskip. In selde gefal hat him ek ófspilein ein efter Ljussens üt, oan ’e Dykster wei. (Meid. A. M. Wybenga). ald minsk roungear sittend en alhiel buten wésten fen ’e kjeld, midden yn in stik greide. Hja namen hjar mei nei hüs en kwikten hjar hwet op, sadet hja op ’t lést wer by ’t stik kaem. En do bigoun hja to fortellen ho’t it mei hjar gien wier: It wite lekken. Twa mannen dy’t op Nijebrêge wennen, wierne ris oan ’t slatten by Pean. ’t Wier yn ’e simmer en hja laeine de jounstogearre mei de bok oan ’e wal. ’t Wier moai, helder waer. Do sei hommels de iene: Mar sjuch dêr ris, bigraffenisfolk op Pean. Heden ja, sei de oare, det sjuch ik ek. It like hjar oars al hwet nuver ta neffens de üre fen ’e dei, mar hja seagen doch düdlik de hege hoedden en de kleden fen ’e frouljue. Der fear in bok foar de wal by de pleats, der waerd in kiste mei in wyt lekken der oer üt ’e hüs droegen en yn ’e pream set en ’t folk stapte der allegearre by yn. Al ho dudlik de beide slatters dit ek seagen, hja koene der doch net rjucht oer ut. Hwet in nuvere tiid for in bigraffenis, tochten hja. Wiles stiek de bok mei it leedfolk 6f en sette de Ie oer. Mar do t it boat in ein fen ’e kant óf wier, wier alles ynienen foart en seagen de beide Nijebrechsters neat mear. Do waerden hja beide binaud en wierne in hiel set raer fen ’e wize, hwent hja hiene beide ommers alles klear sjoen. Ek letter lieten hja hjar nea de wierheid fen det gesicht üntstride. Trije dagen neitiid stoar de boerinne fen ’e Peanboer yn ’e kream. Der kaem neffens ald gebrük in wyt lekken oer de kiste en saun dagen nei’t de beide manljue it foarsjoen hiene, sette de bok mei it lyk en it bigraffenisfolk de Ie oer. Alles kaem üt lyk as it foarsjoen wier. len fen de beide manljue dy’t dit foar in fyftich jier bilibbe en it altiten for wier forteld hat, is yn 1936 as jierrich man stoarn. Meidieling O. S. Akkerman. Foartsjirmerij to Boarn. In blauferver yn Boarn nou al jierren wei hearde faken takommende dingen fen to foaren. Hy koe it den wol ha, det er tsjin syn hüsgenoaten sei: Hwet is ’t hjir inleven, net? Harkje nou ris ta! De oaren hearden nea hwet, mar det brocht de ald man nea üt ’t Op in kear, do’t hy by syn soan wier, sei er ynienen, wylst hja allegearre yn ’e keamer sieten: Hwet scille wy nou ha, scille jim turvje ? Wel, né, wier it andert. Wis al, sei de ald man, ik hear ommers de turfskipper de planke yn ’e gong smiten. En nou giet er ek al by de ljedder op nei de souder ta. Mar hja seinen allegearre, der wier nimmen en hja hiene ek gjin turf bisteld. O, sei er do, ef is der neat ? Nou, den krije wy moarn turf. En winliken laei de oare deis de langeturfskipper foar de wal to Boarn! Meidieling O. S. Akkerman. Kalde hdn jown. „In kinde fen ’e matroas Jansen hie in alde beppe. lenris, do’t er nei boppen ta gong om hwet op to hel jen it wier joun waerd him in iiskalde han jown. Hy sette kjel wer nei ünderen ta en fortelde it oan syn mem, dy’t it gekkepraet tochte. Marde nachts forstoar beppe.” (Nei alle gedachten op ’t Amelan opteikene.) Hs J. H. Halbertsma, Prov. Bibleteek, Ljouwert. Foartsjirmerij yn Skoatterlan. Antsje P., nou in jierrich minske to Nijhoarne, wier sahwet in jier ef njuggen, tsien, do’t hja op in joun yn it ljochtmoannewaer de dyk lans kuijere. Ynienen hearde hja foart by hjar drok praten, mompeljen, klopjen ensf., mar hja seach neat. Kjel fensels fleach hja nei hüs ta, dêr’t hjar mem hjar op hjar gemak brocht mei it sizzen: Nou fanke, den scil dêr wol in hüs komme. En ’t is ek sa ütkommen nou al mear as fyftich jier forlyn waerd op it sté dêr’t Antsje as famke it lawaei hearde, it hüs boud, dêr’t yn 1936 de widdou Z. yn wenne. Deselde Antsje hie do’t hja op ’e Ketlikerheide wenne, ris jounpraters üt Nijhoarne. Dy setten let op ’e joune wer öf en seagen sintrom. En hy hie syn moed wol as er det lawaei yn ’e hüs hearde. ’t Wirdt wer drok mei de nearing, sei er den. ünderweis hja wierne op ’e Bütewei it hüs fen T. C. yn ’e bran stean. Hja derhinne fensels, mar . . . der wier gjin fjür to sjen. Letter is it hüs lykwols al öfbarnd det scil nou sa’n 30, 40 jier forlyn wêze. Sytse A. wier smid yn Mildaefn. Hy siet ris to Nijhoarne yn ’e harbarge en frege ynienen: Is hjir ek ien slim siik yn ’e bürren? Wel né, waerd him to’n andert jown, dêr witte wy tominsen neat fen. Nou, sei Sytse, tink der mar ris om; hjir komt yn ’t koart in bigraffenisse. It kaem in pear dagen letter wol üt en it die do bliken det do’t Sytse syn foarsizzing die, der ien yn ’e bürren wier dy’t in bytsje üt stel wier Dy persoan kaem hommels wei to reizgjen. Sa’n goed 60 jier lyn kaem de arbeider S. H. to Aldhoarne ris alhiel oerémis thüsfleanen. Hwet my nou oerkomd is, wit ik net, sei er, mar der is my in ding foarbysüsd, det de tüken bügden. En hird det it gong! Jierren letter die it bliken, H. hie in fyts sjoen (ef in auto, sei in oar), wylst der noch hielendal gjin fytsen wierne. Dyselde H. hearde yn ’e Wyngaerden (by Langsweagen) it spoar al by it Fean lans riden, do’t it der noch lang net wier. Forskate ljuwe yn Nijhoarne seagen neist sa’n heale ieu jouns stéfêst de kant fen ’e Tsjonger op in ljocht oer ’t fjild. Earst tochten hja, det it fen in boerepleats kaem, mar do’t hja ris op ündersiik ütgongen, die it bliken, der wier yn ’e hiele omkrite net in spil to bikennen, det üt ’e bürren wei sa goed to sjen wier. Fjouwer jier letter waerd it riedsel oplost. De Tsjonger waerd ta in kanael makke en op it sté dêr ’t men jouns it ljocht sjoen hie, kaem de lantearne fen ’e Earste slüs. Folksmüle to Nijhoame. Foarisj irmerij to Warten en Earnewald. Sa’n fyftich jier forlyn wenne dejinge dy’t it ündersteande forhelle, op in boerespil ünder Warten, dêr’t hja fakernöch foartsjirmerije hearden en seagen. Men hearde byg. nachts de haeiweinen T. (de forteller) wenne oer it wetter by in oerset; syn beppe wenne to Warten yn ’e bürren. Op in kear do’t it aldminske tige min laei, hearde men op ’e pleats yn ’e nacht roppen fen „Haal over!” trijeris eftermankoar. Do’t men der hinnegong om de reizger oer to setten, wier der lykwols nimmen to sjen. De middeis fen de oare dei waerd deselde stim wer heard, dy’t trijeris to kennen joech, der woeien oer it wetter set wirde. It die do bliken, de ropper wier in boadskipper dy’t de tynge brocht det beppe stoarn wier. It wier itselde lüd det hja de jouns fen to foaren ek fornomd hiene. Folksmüle. Dirkje fen Johannes Bernardus Steenekers wenne yn ’e earste helte fen ’e 19e ieu mei hjar man op in foege helling by Earnewald, Smidshuzen neamd om’t dêr earder in smid wenne hie. Hja leaude steechfêst oan foartsjirmerije. It stie mürrefêst by hjar, det der op ’e helling jouns kloeten ef heakken yn ’e wal stitsen ef op ’e lüken fen ’t skip smiten waerden. Op ’e skütmakkerij oan it Wartenster Wiid wennen Oeds en Jouke Bylsma, dy’t ek deafetten makken. Hja hearden nachts klopjen, skaven en spikerjen oan deafetten: oars neat as foartsjirmerij! Hja leauden dêr sa fêst oan, det do’t hjar broer Tys forstoar, hja it klopjen oan syn deakiste en seis in stomp oan ’t foardoarskezyn heard hiene. En do’t de deade üt ’e hüs droegen waerd, stompten de dragers mei it fet tsjin deselde hoeke fen ’t kezyn oan, dêr’t se it fen to foaren heard hiene. Allert de Vries to Earnewald hat sjoen, det de stomboaten Earnewald foarby steamden, foar det der yn Drachten in stomboat bikend wier! For Hüs en Hiem, 1890, bl. 40—41. yn ’e skürre hinne en wer riden, wylst de tsjernmounle ek faken gong en doch laei alles op ien ear. Op 'e Jouwer. Ear’t de forneamde helling oan ’e Sylroede op ’e Jouwer dêr’t in hopen boeijers boud binne der wier, hat men faken klopjen, timmerjen, seagjen ensf. heard. Do wist men wol hwet der ienris komme scoe. Yn it foarige ried der nachts twisken toalven en ienen in ding dwers troch de Jouwer det men nea net seach mar nammersto düdliker hearde. Men koe der net efterkomme hwet it wier, oant.. . de earste auto’s troch de ~flekke” kamen. Hwent dy makken itselde lüd as dy frjemde wein yn ’e nacht. Folksmüle. To Eastermar. Om 1882 hinne waerd der to Eastermar in stomboattsjinst op Ljouwert ynlein, yn ’e mande mei de Pein. Tamme Wobbes, in skipper üt it doarp, hie al jierren ear’t ta de oankeap bisletten waerd, de stomboat sjoen. Wylst hy op in jountiid efter de mounle oan ’t poeren wier, seach hy in great ding, det sahwet nei in beamstamme ütskaeide, fen ’e Birgermar óf op him oankommen. For de wissichheid naem hy hakken op. Dizze foartsjirmerij is krekt ütkommen. Inkelde jierren letter waerd de Lits forlein en de stomboat fear hwer’t Tamme him sjoen hie. Veltman, Oostermeer, bl. 24—25. To Gaestmar. Op it Piel to Gaestmar hearden skippers wol foartsjirmerije. Sa wier der ris in skipper dy’t op in moaije stille simmerjoun tsjin syn broer sei: Hark, dêr op ’t Piel fart in stomboat. Oan it lüd fen ’e mesine is ’t krekt dy fen Greategast. De broer hearde it ek en dóch koe dêr gjin stomboat wêze, hwent der fear yet net ien fen Warkum oer de Gaestmar nei Snits. To Diken. Yn ’e midden fen ’e 19e ieu wennen der op in pleats to Diken as feinten Anne Regeling en Fokke de Vries, ’t Barde yn ’e iere maitiid det hja büthüsskrobje moasten. Hja wierne midden yn hjar wirk sitten bleaun en alles laei sa’t it laei, hwent ’t wier melkerstiid wirden. ’t Seach der rare heibeijerich üt. Do’t hja de jouns yn it bêdsté yn ’t büthüs krüpt wierne, waerd ien fen beiden yn ’e foarnacht wekker troch in nuver lawaei. Hy makke syn maet wekker en dy hearde it ek. Der waerd mei faesje pompt, bjind en skrobbe, seis foart by hjarren, sadet hja bang waerden en der óf kamen. Fensels waerd der oan „divelskinsten” tocht, mar do’t hja it ljocht opstitsen hiene, waerd it ynienen deastil en laei alles krekt sa as it lein hie, amers en biezems laeine op itselde plak. Beiden habbe altiten üthalden, hja hiene it leven klear heard. Fyftich jier letter stie De Vries yet for de wierheit fen syn sizzen yn, do’t er it forhael op ’e nij oan ’e hear J. Hepkema die. Eenv. Mem., bl. 405. It oardiel fen Tsjibbe Gearts. Ut ’e Dokkumer Walden waerd 7 Aug. 1880 oan it „Weekblad voor het kanton Bergum” skreaun (hjir oerset): Men is optheden wer drok oan ’e gong mei de tramwei fen Dokkum nei Feanwalden. Komt de foarsizzing üt, den scille der mei dizze ündernimming yet öfgriselike üngelokken barre. Der wirdt n.l. sein, det de foerljue fen ’e postkarre fen Ljouwert op Dokkum yn it bigjin fen dizze wike, do’t hja by de Skilige piip lans kamen, hwet frjemds oerkommen is. De hiele wei siet slim ünder it bloed, 20 Marin jier letter koft de hear R. Visser fen Warkum de stomboat fen Greategast en bigoun der in feartsjinst mei, dy’t letter fen syn soan oernomd waerde. Nieuwsblad v. Friesland, 10 Sept. 1902. wylst der forskate liken fen minsken op ’e groun laeinen, sadet it hjarren pas nei in hopen moeite slagge om det gedielte fen ’e wei lans to kommen. len en oar wirdt hjir yn forban brocht mei itjinge noch ris mei dizze ündernimming barre scil. Hwennear? „Treurig voorwaar dat aan zulke verhalen nog geloof wordt gehecht,” bislüt it birjucht, det sünder mis opsteld is fen de Fryske skriuwer Tsjibbe Gearts v.d. Meulen, dy’t it Wykblêd ütjoech en dy’t neat fen it „byleauwe” habbe moast. It sükerijfebryk. ~Op it ein fen ’e Wal hat yn it foarige op in stjelp in Klaes Lütsens van der Veen wenne. Yn det hüs gong üs mem to wenjen en heit foer mei in pream. Dêr hat hja alles foarheard. Der is letter in sükerijfebryk kommen en üs heit en dy wennen dêr do neist. Den sei üs mem altiten: Do’t ik op ’e stjelp wenne hab ik it lüd al heard fen ’e stamper op ’e bak, it kearen fen ’e beane op ’e iesten en det de katrolle gong. Ik wist nea hwet det leven yn ’e hüs wier, sa gyng it der om wei. Mar tsien jier letter waerd it febryk dêr set en do sei hja: det wierne de lüden dy’t ik wol gauris hearde.” Folksmüle to Feanwaldsterwal. Gebolder troch de wrald. „Der moat ienkear in gebolder troch de wrald west habbe, net ienris sa malle lang forlyn. Ik wol leauwe, det myn heit it yn syn jongejierren noch wol heard hat. In great gebolder, krekt ef fleagen der kloften hynders oer in rigele berten. It hat wol in ure dürre en rounom hat men it fornommen. Net allinne hjir op ’e Sweach, to Beets, né ek yn Amsterdam, yn Hollan, jade hiele wrald oer. Nimmen wist hwet it bitsjutte, mar men hat der wol op üt wold, det it hwet to krijen hie mei de nije ütfinings fen dy dagen: spoar (Forhelle fen in man fen tsjin ’e tachtich to Ald-Beets.) Gedrüs to Ljouwert. It is yn ’e patriotske tiden ris bard, det der fen it riedshüs to Ljouwert eat Sfkindige waerd. Wylst men dêr mei beuzich wier en in hiele bult minsken op it plein forgearre wierne, hearde men in gedrüs yn ’e loft, det elts der kjel fen waerd en om in goed hinnekommen socht. Det is in teiken, det der ienris op det sté in greate forwarringe komme scil. Yn 1830 en hwet letter wier men danige bang det it do barre scoe. Portef. D, Sêgen en mearkes, ald-archyf Selskip. Gegül op ’e Gravinne-wei. Sa’n oardel ieu forlyn hearde men op ’e Gravinne-singel, in binnen-wei twisken de Limmer en it Hearrenfean, wol tweintich jier lang eltse joun twisken alve üre en toalve üre in ófgriselik gejammer en gegül. Men seach hjir in teiken yn, det dêr de ien ef oare kear immen formoarde wirde scoe. Letter brocht men dit gülen wol yn forban mei de moard op in boerinne to Nijeskoat op in Skoattermerke yn ’e njuggentiger jierren. Iduna, XI (1855), bl. 32. Wandelingen inden omtrek van Heerenveen, bl. 34. De Schreijershoeke. In diel fen ’e Dokkumer Ie ef it Great Djip hiet de „Schreijershoeke”. Op det sté wier ’t by aids lang net plus en letter hearde men der wol skriemende stimmen. Iduna, XIII (1857), bl. 149. en tram en elektrisiteit. Der moat hjir ef dêr wol hwet fen biskreaun wêze en in hopen minsken habbe it gebolder heard.” Bran foarsjoen. Sa’n fyftich jier lyn spile it neikommende him of yn it Stro. bosser gea. Op in nacht komme in man en frou werom fen in bisite dy tige let wirden wier. Underweis sjugge hja al op in distansje in allinne steand hüs, dêr’t hja lans moatte, yn alle finsters, keamers, doarren en gongen fol ljocht en loge. Hwennear’t hja tichteby binne, is alles ynienen wer tsjuster. In wike of hwet letter barnt it hüs oan ’e groun ta óf. Meidieling E. B. Folkertsma. Men forhellet, det op Papensteed, twisken Ie en Tibben, stimmen heard wierne yn ’e bocht fen ’e feart, dy’t röpen: Help, help! Sa binne der ek stimmen heard yn ’e hoeke fen de Traen yn ’e Beintumer feart allegearre oanwizingen det der ien fordrinke scoe. Meidieling ds. J. Douma. In goede sechtich jier lyn gongen op in moaije winterdei trije jongfeinten en trije jongfammen fen Ferwert to riden, de Ferwerter feart ut nei de Dokkumer le. Yn ’e sinne op ridende rekken hja net fier fen it bürrentsje de Bolleholle yn in wek. Fiif wisten der üt to kommen ef waerden der üt helle, de sechte lykwols, in bysünder tsjep en bloeijend jongfaem, wier to fier ünder it iis opsketten en fordronk. De nachten to foaren hienen ljue dy’t dêr om hinne wennen, dy kant üt lüd kriten en kjirmjen heard. Meidieling E. B. Folkertsma. Houtmounle yn 'e bran sjoen. In jonge boer kaem ris mei it wiif yn ’e sjeas fen Ljouwert öf. Underweis, ik leau it wier sahwet bitwisken Bartlehiem en Tergrêft, dêr seagen hja ynienen gans ljocht, krekt ef stie de houtmounle yn ’e bran. It hynder seach it ek en it bigoun to stegerjen. seagerij De Phoenix. Meidieling E. S. de Jong. Foartsjirmerije to Wunswert. In ald minske yn Wanswert forhelle my twa gefallen. It Wanswerter tsjerkhóf leit tige heech en der is in ringmürre omhinne. By aids boarten de skoallebern wol ris op it hóf. Op in moarntiid kaem masterske by hjar oanrinnen en bearde nuver, ho’t dêr efter op ’e terp in lyts bern gülde. Der wier grif ien by de mürre delrekke en det laei dêr nou to tsjirmjen. Der hird hinne fensels, mar . . . der wier neat to sjen. Lykwols krekt in wike letter, do foei der in famke by de ringmürre del en det kaem sa oan, det it is stoarn. In oare kear it wier yn ’e lette hjerst do wier gekke Meine wer sa nuver. De hiele dei hie er op it tsjerkhóf sitten to psalmsjongen, det it doochde net. De jouns wier it krekt, ef sloegen se mei stokken yn it wetter om, om ien dy’t yn ’e feart siet der üt to heljen. Hja tochten allegearre, nou wol gekke Meine him forsüpe. Mar do’t derde oare moarns nei frege waerd, wier der neat bard. Lykwols, krekt saun dagen letter, do sloegen se al yn ’e feart om, om der ien üt to heljen. In jong fromminsk is do fordronken. Meidieling E. S. de Jong. Fjür yn it hea. Op ’e pleats de West ef West-Ynjen twisken de Gaestmar en Warkum oan de Grüns hat yn ’e foarige ieu syn libben lang wenne Hearre Ykema, in hirde Fries fen ’e alde styl. Syn frou wier in minske mei in mystyk bistean, hwa’t üt en It ljocht skynde sa fel, det hja koene hjar eigen skaed suver sjen. Do’t hja yn Birdaerd kamen, stie dér de mounle noch. Lykwols, letter is er al opbarnd. Nou stiet op detselde plak de elektryske troch „hwet foarkaem” (de fêste sizwize, foaral yn ’e Südwesthoeke, for it krijen en sjen fen in forskining). Sa kaem hjar op in kear hwet foar yn it gongkje, en waerd der hjar sein, det der fjür yn it hea wier. Trijeris roede it folk en koe neat fine. Do sei de boer: Nou halde wy der mei op; jo ek mei jou ynbyldingen altiten! En dóch sit der fjür yn, haldde hja üt, it is my yetris sein. Fen kleare lilkens liet de boer do it hea ütbringe, en wierliken, hja founen fjür. Meidieling E. B. Folkertsma. Winter en foartsjirmerije. Yn it bigjin fen ’e 19e ieu wenne der yn in klinte fen seadden oan it Wyldpaed ünder Sanbulten in suteler en fügelflapper, Sake Wessels by namme. Hy koe de bibel as de dümny en hy wist der ek mei bistek oer to praten. Mar hy koe mear: de takomst foarsizze. Fensels kaem ien en oar him tige fen pas as er by de doarren lans reizge mei syn keappenskip. Op in joun yn ’e winter de moanne wier derby roun Sake op ’e Swarte Wei, twisken Tytsjerk en Ljouwert. By de Greate Wiellen hearde er in öfgriselik gejammer; hy seach op en üntdiek op ’e poel in greate kliber minsken dy’t lüd rópen fen „Heere, Heere, wij vergaan!” It wier düdlik to forstean, mar lang dürre it net, hwent foart dêroan fordwoun de mannichte yn ’e poel en laei dy der yn it ljochtmoannewaer wer krekt sa rêstich hinne as altiten. D°’t der nou op de 22ste Jannewaris 1885 fenwegen it Leechlansk Reedridersboun op ’e Wiellen in ynternasjonale hirdriderij halden wirde scoe, wierne somliken bang, det Sake Wessels syn fisioen ütkomme scoe, binammen om’t it iis neffens it algemien bitinken net sterkernóch wier om de tüzenen dy’t it feest bywennen, drage to kinnen. Lokkich is der dy deis neat bard en it nachtlike gesicht is ek letter nea ütkommen. Weekblad Kanton Bergum, 7 Febr. 1885. Op ’e Trijepypsgrêft to Dokkum waerden by sterk iis wol hirdriderijen halden, mar dit moat noch ris op in üngelok ütrinne, hwent alde minsken wisten yn Waling Dykstra syn dagen to forheljen, det dêr op in winter lange jierren forlyn ris in freselik gejammer heard is krekt as fen in hopen minsken ünder it iis. Ek dy foartsjirmerije is lykwols nea ütkommen. W. D. I, bl. 160. Ek yet yn ’e folksmüle. Yn de Wiel op ’e Wygeast (ünder Aldwald) is in hüs forsonken. Mar der is ek in lüd fen in bern üt it wetter heard. Dêrom moat der noch ris ien fordrinke. Winters wirdt derden ek nea op riden. Men heart der net folie oer praten, marde freze libbet yette wol ünder de minsken. Folksmüle. Op ’e greate grêft fen Herema-state op ’e Jouwet waerden alearen by ’t winterdei faken hirdriderijen halden, dêr’t in protte folk op tasetten kaem, rounom wei. Mar der wierne altiten gun dy t mar ljeaver net by sokke gelegenheden op it iis kamen. Hwent, seine hja, it scoe nochris forkeard gean. Mear as ien hie n.l. by joun ünder it iis fen ’e grêft gegül en gejammer heard fen minsken dy’t der trochsakke wierne. En soks wiisde grif op in ünk det to barren stie. Sünt lang wirde der nou gjin hirdriderijen mear op ’e grêft fen Herema-state halden. Folksmüle. Itselde forhael giet fen de Terbantster petten, dêr’t nou de iisbaen van Thialf leit. Do’t dêr de foarste ynternasjonale halden waerd, hat de forneamde Hinke Kaert hjar oan in soartgelikense foarsizzing weage. Nieuwsbl. van Friesl., 11-4-1906. Op Snakkerbürren by Hommema’s oaljemounle wenne yn it foarige in Japik, in alde skroar. Syn wiif makke wol ris hwet for in skippershüshalden fen Feanwaldsterwal en sa laeine de skipper en syn wiif dêr ris yn in Novimbermoanne foar de wal. It waerd winter en hja ferzen dêr mei ’t skip yn en laeine der in fjouwer, fiif wiken, mei it gat nei Hommema’s mounle ta. Nou rounen de bern wol oer de Ie nei de oare wal ta. Op ien kear hearde it skipperske in gejammer efter troch it poartsje fen „help, help”, ont trijeris ta. Hja tochte, det ien fen ’e bern der yn laei en smiet it luk der óf, mar der wier neat to fornimmen. Foart nei Sinterklaes gong it winterke der wer üt en hja setten óf. Mar mei in wike as fjouwer bigoun it wer to friezen en do rekke der ien yn op itselde plak by de mounle. Mei learren is dy der uthelle, nei’t er trijeris om help roppen hie. Hwent it gong troch, de skipper syn wiif hie it foarheard! Folksmüle. Fen Belgyske soldaten en in slot det ófbritsen waerd. De Gastlanske spükesjugger Jehs. H., eartyds to Balk, letter to H. en neist in jiermennich forstoarn, seach as er nachts op in baen wier en hy swalke hiel hwet of faken foarstellingen fen takommende dingen: lykstaesjes, üngelokken, ensf. Dy foarstellingen haldden troch de bank in pear minuten oan en waerden den wer wei. In goed tritich jier forlyn helle Jehs. ris bot fen Laeksum en op e weromreize nei Balk, krekt om ’e hoeke by Riis, koe er ynienen net fierder. Hwet habbe wy hjir, tocht er, ik kin der net trochkomme. Allegearre folk det de Brélenswei delkaem; it liken wol soldaten, mar hja hiene gjin gewearen by hjarren. Ynienen wier alles ek wer foart. H. foarsei üt dit gesicht, det noch ris soldaten de Brélenswei lanskomme scoene (neffens oaren ek, det it bloed dy wei delstreame scoe) en do’t yn ’e oare oarlochsjierren it earste détachement Belgyske lansiers det fen Starum kaem op wei nei Elfbergen ta de Brélenswei Oan dizze Belgen foarsei H. ek de wapenstilstan en de ein fen ’e oarloch. Toalve jier lyn likernöch seach H. al fen to foaren it öfbrekken fen it slot fen ’e Van Swinderens to Riis. De beide jiffers libben do noch, forhelle er. Hy roun op in nacht by it slot lans en hearde in heap lawaei fen hammerjen, houwen en slaen. Hy koe do de arbeiders flink oan ’t ófbrekken sjen. Dit foargesicht hat bliken dien mar al to wier west to habben. Yn ’e Maeitiid fen 1937 is „Huize Rijs”, de gloarje fen ald-Gasterlan, ünder slopershammers fallen in stik tradysje gong mei. Folksmüle. Dizze sjugger dielt K. ter Laan yet in pear bysünderheden oer mei dy’t him trochdien wierne fen ds. Vander Meulen to Bunschoten. Neffens him scoe dizze „zonderling” sein habbe wylst er foar it slot to Riis stie en ütseach oer it lan det ünder de stikels siet: „Gij ezelsweide zult een rozengaarde worden.” Nei de likwidaesje fen de eindommen fen ’e fem. Van Swinderen kaem op dit sté yndied it slotsje fen ’e skriuwer (administrateur) to stean mei in roazetün derfoar. Ek jowt ds. Vander M. bliken det er mei de foarsizzing fen ’e soldaten sünder oarlochsark op ’e hichte wier. Eigen Volk, 1932, bl. 97. Spoekgülen. Somlike hounen sjugge „foarüt” en jowe fen itjinge hja sjugge faken bliken troch in hiel skoft eftermankoar lang en kleijend to gülen. Oer ’t algemien habbe de boeren it op sokke hounen net stean en hja kenne dizze bysündere bisten oan ’e beide giele plakken dy’t hja boppe de eagen habbe. De meidieler fen it ündersteande kaem ris passearre sünder gewearen fensels brocht men det mei H. syn foarsizzing yn forban. by in boer dy’t sa’n spoekgüler mei fen dy ljochte plakken boppe it each yn bisit hie. Ik wol dy houn kwyt, sei er, hy hat „dübelde eagen”. Blykber socht hy de oarsaek fen it spüksjen fen it bist yn dy plakjes, dy’t er dos net allinne neffens de üterlike oerienkomst mar ek troch hjar funksje as „eagen” opfette. By de Taenpolle oan it Aid Djip to Boarn siet, foar sa’n fyftich jier, trije jounen efterelkoar in houn to spükgülen. In man dy’t dêr mei syn arke laei, hong det akelige lüd al gau skjin de kiel üt en hy forjage it bist hieltiten. Marit joech neat, de houn kaem rilk gau werom en bigoun op ’e nij it frjemde det hy seach, oan to gülen. En hwet barde? De fjirde nachts fordronk de faem fen ’e pleats oan ’e oare kant hjar yn it Djip. Dèt hie it bist fensels sjoen, sei de ald man. De houn is do net werkomd. Meidieling 0. S. Akkerman. Eksters foarsizze de dea. Op in moarn stiene der op in stik lan büten de grêft to Starum trije eksters, deun by it wetter, to skatterjen det it sahwet die, lyk foar it hüs fen in timmerman oer. Hja wierne tige drok en liken elkoar in bulte to fortellen to habben. Algemien seach men dêr in faei teiken yn en ’t kaem al üt ek. In pear dagen neitiid waerd de timmerman dea thüsbrocht hy wier fen in brêge fallen dêr’t er oan arbeide. De eksters hiene it al oer dit üngelok hawn, sei men do. Folksmüle. Sèmanssège. Yn mear as ien plakje oan sé giet it forhael fen in séman dy’t dea rekke en op ’e selde üre det er üt ’e wrald skaette, syn neisten yn in fisioen forskynde. Yn „Hinlepper Fortoltjes” lit S. van der Kooi immen, Titte by namme, sizze: In selde soarte forhael waerd op ’e Limmer forteld. Yn Starum teikene ik üt ’e folksmüle op: It wiif fen in séman dy’t op ’e Sudersé foer, sei op in moarn tsjin hjar berm Heit hat fennacht ek by my west, mar hy is mar efkes bleaun. Hy stie by it bêd en ik sei: bliuw noch hwet. Né, sei er, ik moat foart. En mei wier er fordwoun. De middeis fen ’e selde dei kaem in femyljelid mei it skip de haven yn en brocht it dröve nijs, det Heit de nachts tofoaren fordronken wier. G. FEN ALDE FOARSIZZINGEN. Foarsizzing oangeande Ljouwert. In tsjoenster dy’t fen ’e boargerij for in profetes halden waerde, haldde yn it jier 1510 üt, Ljouwert scoe mei in pear dagen forgean. ’t Byleauwige folk brocht in greate bran dy’t koart nei de foarsizzing, acht dagen foar Pinkster ütbriek, mei de üngelokstynge yn forban fral ek om’t men de oarsaek fen ’e bran, dy’t twahündert hüzen forrinnewearre habbe moat, net üntdekke koe. Gabbema, Verhaal van de stad Leeuwarden, bl. 265. Profesije oer it slachte fen Dekama. De abt Eelcko Liauckama, dy’t wreedaerdich fen syn müntsen formoarde is, hat oangeande it slachte fen Dekama foarsein: Als Dequama dy middelste boeckstave verliest En voor dy tredde een othera kiest/ Schilt haeg acht wesa/en prospererije „Nó, hö wear ’t mei Annemui? De soldigste naet, dot jer man, kaptein fan ’n skoener, inde Midlaanske sê forgeeng, soog Annemui him fóar jer bod staen mei de aigen fol trèadden en mei de heupleazens fol wetter.” Den hondert en noch fuyle ieer deer ney Schelt maest worda wey/en graetlyck declinerije/ Maer weer boppa comma Als ick troch Gods wijsheyt wol hab vernomma. In oar die hjir yette by: Ws vrij Vriesch schell aeck worda wey Als ick yema sidse mey Och och schrijet den al Vuur ws neycomelinghen ongheval Want troch ws sonde/sal volle queets scheen/ Als ick innerlijck can siaen. Winsemius, Chron., fol. 201. Foarsizzing oer Skieringers en Fetkeapers. Yn it jier 1399, ef, lyk as oaren miene, yn 1404, waerd der yn Frylan de folgjende profesije dien: „Als twiedracht ende partye in Vrieslandt is vergaen/ En dat wonderlijckste/schandelijckste en wreetste Oorloch is wt deen; So schilt regiment viur Land ende lyoe in wolfaren groya/ En in alle voorspoet wederom bloya In onspreckelijcker maniere mennigherhande Da Heeren/Regenten en Edelen van den Lande/ Sillet ney dese vreeselijcke tijt/ Op oorloch tinsa naet en bijt/ En hiaerre mey sucx naet meer moya Aeck hiara voor-vaers libben verspoya/ En so wessa tot eendracht ghesindt Men schilt vernije wonderlijck/ In Dijeken/ Dammen/ Zijlen en Zijl-rooden/ Den Breggen/Marren/ooc dyepten alsine bevroden/ Leegh verachtet Wetter Landt verdulven/ Feen-Landen dyemen achte naet een bijt/ Sille dan eeck orbart wirde tot graet profijt. So dat Frieslandt schil verbettere wirde in sucken wijs Als ofter wyer een aertsch Paradijs/ En schil ’tland van beloften te boppa gheen/ In Hunich in molka in allen dwaen/ Dit alles schil scheen als die Spaensche spruyt Wr uws heyrschet mey virtuyt.” Winsemius, Chron., fol. 227. Profesije fen Valerius Camga. Om 1246 hinne libbe der in astronoom yn Fryslan, Valerius Camga, dy’t fen syn slachte plichte to sizzen: Camga sal jitta staen, as dioe wraald schil vergaen. Ende die graette Lieu sal haeg in Kalahey sijn nest meitse ende der in versteerre; verschaette Lelie schil mer weer in plantje, din lijts voort comma, want jo bledden daetferwich sin. Ende so jo hymels wickers neymaels naet wirde verandirt, schil dat haege nest ruyneere wirde ende so verdorre: wijtte Lelien int ras schilleden weer ontspruytte wier troch dy wapene aerm mey ’t swird schil truyrje. Winsemius, Chron., fl. 167. De prof esij e fen Sjaerdemastins. Dealde ealman Sicko Siaerda wier fen doel om, yn oerliz mei syn soan Douwe, de stins op it East fen Frjentsjer of to brekken en Dat men naerne hares gelijeken vindt. Aeck scilt ney desen noch scheen Als dioe lestighe tijden sint vergeen/ Dattet Landt sal wirde costelijck/ yn it West fen ’e stêd wer op to bouwen. Syn skoansoan Schelte Lyauckama rette him dit óf en stjürde üt namme fen abt Siardus Siersma, fen Lidlum, dizze profesije: So Siaerdema int Aest bliouwet, Schelt prospererje. En great acht wesse, en weer mogge comma te potestaet. In ’t West steende schelt declinerje. Nimmermeer comma te zoo hegen graet. Dizze warskóging makke sa’n yndruk op Sicko, det er it ófbrekken oergean liet. Mar nei syn dea wierne syn wiif en syn soan Douwe sa dryst, det hja de stins doch öfbrekke lieten en it founemint fen Nij-Sjaerdema leinen yn it West fen Frjentsjer, op Kalahey. Daelk is dêr dizze profesije op folge: All is Kalahey dus heeg fondeere Het sill weer wirda raseere Soo dat Kalahey hier ney Wirda sill in Molckwey. De dryste widdou en hjar soan wierne lykwols lang net op hjar gemak oer in profesije fen de Lidlumer abt Eelco fen Liauckama fen dizze ynhald: As Siaerdema soo vergiet Datter oppa statha nen Sicka En Hieslingha hiara Redt feerdt Schelt gheslacht naet lang duyre Dy ohera graad schel naat Hiara namme en staat mogge furye. Meyt za my, on party Naet sonder gheschry Mog ickt sidse. O Siaerdema graet, in wat Jammer en naed Schel Vrieslandt din lidse, Hiara frie staat, die du naet, Schil ven dijn nei blood, uws mei uws comma, As ick troch Goads gaast hab vernomma. Mem en soan siet dit orakel sa yn it krop, det Douwe syn namme foroare yn Sicke, om’t er oars soarch hie, det syn slachte yn it leech reitsje scoe. Winsemius, Chron. v. Vriesl., fol. 189 en 206—207; Wumkes, Bodders, bl. 77—78. Bruer Hankis. In earlik hüsman, Bruer Hankis, dy’t wenne to Hartwerd by Aldekleaster, hat folie profetearre fen de oarloch yn Fryslan, det de hartoch fen Saksen yn ’t lan komme en det er wer hommels öfsette scoe. Ek hat er oer de blokhüzen spritsen dy’t to Ljouwert, to Harns, to Sleat en op oare plakken boud wirde scoenen en de skiednis fen dizze hüzen foarsein. Al de bysünderheden, ek oangeande it Saksyske biwald oer Fryslan, binne yn ’e rin fen ’e jierren ütkomd. Prophetien van blynde Simon en bruer Hankis, yn Fr. Volksalm. 1854, bl. 53—54. Orakel oer Boalsert. Yn ’e fjirtjinde ieu wier der in orakel oer Boalsert. Aedo Jonghama, üt Raerd, hie it fen syn alden en oare bitroude ljuwe dy’t it wer fen hjar alden en foaralden hiene: hwennear twa haedlingen yn Boalsert tsjin inoar opstiene, scoe dit hiele Fryslan yn ’e wiel bringe. Nou barde it yn 1450 ef ’sl det der to Boalsert in bern mei twa hollen to wrald kaem. Do seine alle ljuwe dy’t fen ’e profesije wisten: Sjuch, dit is it teiken fen ’e ünienige haedlingen. It bern wier, sa forhellet Petrus fen Thabor, in oerwinling fen Ulrick, dochter fen Wuste uwr iaën, schil din ontfaen. Een freembde Heer, Hercke mijn spreek Want dit onghemeck Ysbrant Males üt ’e Nauwe Noarderherne to Snits en Douwe Beythyes, in hynsterider fen alde Goslick Jonghama. Yn ’e selde tiid boaske Fokel, Doed Sippesdochter, yn Boalsert oan Skerne Wytthye üt Stiens. De brilloft waerd halden by Japik Schütmaker, in broer fen Petrus Thaborita. In great hoarn mei bier gong fleurich roun en ünderwiles spriek Goslick Jonghama: „Twa ief Trya wyven sinter commen wt Oesterland in Westerland: da schella al Friesland vordeerra ieftu wrmits hyarrem schel al Vriesland verdoeren wirda; Harinxma folck to Snits habbe dier een van”, n.l. Juw Harinxma, dy’t troud is mei Wyttye Jonghama fen ’e Geast. De aldman wist do noch net, det dizze Wytthye Jonghama letter syn eigen skoandochter wirde scoe en folie tsierderij yn Fryslan to-weech bringe scoe. Historie van Vriesland, door Petrus Thaborita, bl.2227; Winsemius, Chron., f. 294 en 295; Wumkes, Bodders, bl. 80—81. Bline Simen. Bline Simen dy’t blyn berne wier wier in „oesterlinc” (Saks?); hy hat in hopen foarsein oangeande oarloch en bidjer yn Fryslan. As er to Raerd kaem, naem Aedo Jonghama him yn ’e hüs en joech him to iten en to drinken en Simen forhelle him den in hopen dingen, ho’t de „oestersche heren” hjir yn ’t lan komme scoenen en folie kwea dwaen en hy neamde forskate kleasters en plakken dêr’t greate skea dien is. Ek plichte er to sizzen, der hong in swird oer Fryslan en det bitsjutte greate swierrichheid en oarloch. Binammen scoe er profetearre ha oer Lüntsjerk. Op in tiid do’t men oan it nötsichtsjen wier en de kleasterbroerren troch de rein net wirkje koenen, founen hja Bline Simen foar de poarte sittend. Hja namen him yn ’e hüs en joegen him hwet to iten. Do’t er sa by hjarren siet, bigoun er ynienen tige to suchtsjen en to krimmenearjen. Hja fregen him nei de reden en hy sei: Myn ljeave heare, scoe ik Ho witte jo det, Simen? fregen de müntsen. God hat my, andere er, myn uterlik gesicht üntnomd; miene jimme, det God my gjin ynderlik ljocht jown hat? Ik siz jimme, de poarte fen Aldekleaster scil ek ünder ’e foetten reitsje en alear de oarloch in ein hat; marden is de saek ek ringen ütmakke. En winliken: yn 1516, in wike foar Krysttiid, teach Kempo Jonghama, grytman fen Wymbritseradiel, nei Aldekleaster en liet de poarte for in fjirdepart ündergrave, de oare deis wer for in fjirdepart en sa foei de boel yn inoar. -1) De münts Petrus fen Thabor dêr’t wy in libbene kronyk oer it bigjin fen de 16de ieu oan tankje, forhellet, nei’t er it hawn hat oer it tsjin ’e groun smiten fen de poarte fen Aldekleaster, oangeande Bline Simen: „Item van dit oerloch was lanck te voeren gheprophetiert vaneen man, die blynt gheboeren was, ghenoemt blynde Symon; want hi plach to segghen, dat daer een swaert hinck ouer Frieslant; welck een beteikenisse was van grote last van oerloch; ende hy seide oeck, dat die cloesters ende dat ghemiene lant seer iammerlicken solden worden verdoruen, alsoe dat die monicken ende beghynen, priesters ende alle gheestelicke luyden, ende oeck die ghemiene hwsman, dat sie solden lopen doer die land, dat sie naw solden weten, waer sie hem solden berghen, dat naederhant alsoe gheschiet is. Ende besonderling soe had hy oeck van Lwnekerck gheprophetiert, als my die Prior van Lwnekerck suluen heeft gheseyt, die dat van blynde Symons mont seluen had ghehoert; want hy sat op een tyt te Lwnekerck int koehws, ende hy beghan seer toe karmen ende toe claghen, ende seide: O Lunekerck Lwnekerck, wat sol dy ouer gaen! Doe worde hy gefraghet waerom dat hy dat soe seyde? Doe sprac hy weder: Siet, lieue broeders! die tyt sal comen, dat dit schone doester van Lwnekerck ten gront toe sal verdorwen worden; ende het sal an een haer hanghen, oftet eendoester weder sal worden of niet. Ende doe worde hem gefraghet, waer wt hy dat wiste ? Doe sprac hy weder: God die heft my berouet van mynen wtwendighen ghesichte; wat weet ghy wat verlichtinge dat my God van binnen heeft ghegheuen ? Ende van 21 net suchtsje? Dizze poarte dêr’t ik nou ünder trochgien bin, scil oer sechtsjin jier alhiel tsjin ’e groun bruid wirde en net lang dêrnei scil dit goede kleaster oan ’e groun ta forrinnewearre wirde en eft it noch in kleaster bliuwe scil, hinget oan in hier. Olde doester poert had hy oeck ghesproken, dat die onder voet gheworpen solde werden, eer dat dit oerloch solde eynden, ende hi seide oec: Soe wanneer dat Olde doester poert nedergeworpen wort, soe sal dit oerloch gheringh en eynde nemen." 2) 1) Wumkes, Bodders, bl. 81—82; Prophetiën, yn: Fr. Volksalm. 1854, bl. 51—52; 2) Archief voor Vaderl. en inz. Vriesche geschiedenis, bl. 212—214. De grypfügelklauwen fen Willebrord. Yn it hanskrift fen Botte fen Holdinga, üt Eanjum, toboek steld yn 1567 to Embden yn ballingskip, en hjoeddeis yn it Frysk Museum, stiet it neifolgjende: „Der is my earen forhelle yn it kleaster Bethlehim, in adellike Jongfammestifting yn Eastergoa, det de H. Willebrordus oan trije adellike slachten yn Fryslan as teiken fen takomstige fruchtberens de klau fen in grypfügel joech. It wierne de Emminga’s üt Stiens en de Tjaerda’s fen Starkenborch fen ’e Geast. De namme fen it trêdde is troch de tiid forlern rekke, mar myn ljeave frou hat my forhelle, det it eale slachte fen ’e Harinxma’s, det him oant hjoed de dei ütwreidet, de trêdde klau hat.” Nou waerd der yn 1834 by it öfbrekken fen Tjaerdastins op ’e Geast yn in mürre in lyts kistke bimitsele foun, dêr’t ü.o. in pear izeren stimpels yn sieten mei de wapens Hermana Frittema Tjaerda en ek twa yn lint en silvertrie biwoelle, yn houten staltsjes fette grypfügelklauwen. Yn ’e samling fen Anna Maria van Schurman op it stêdhüs to Frjentsjer leit yn in kistke fen Surinaemsk hout oan in lintsje ek in grypfügelklau. Det scoe den de trêdde klau wêze dêr’t Botte fen Holdinga it oer hat. Dr. Wumkes J) leit twisken de leginde fen Willebrord en it finen fen it kistke sünder mear forban, as er skriuwt: ~Det dizze legendaryske profesije as in gouden relyk yn eare halden is, biwiist de fynst op Tjaerdastins yn 1834.” En fen ’e trêdde klau seit er, De skriuwer is fierders fen bitinken, det der yn ’e skiednis fen ’e Tjaerda’s fen Starkenborch en de Harinxma’s „sünder nou to forfallen ta bygelovigens” doch „stounen (binne) dy’t yen de profetyske saga tobinnen bringe.” Us doel kin hjir net wêze om üt to meitsjen, eft der forban bistiet twisken de sêge en de fynst fen it kistke. For üs is wichtiger det de fügelklauwen fen Tjaerdastins op ’e nij in alde profesije wer yn it omtinken brocht habbe. !) Wumkes: Bodders, bl. 74—75. Op en om it Reade Klif. Yn it jier 4 nei Kr. sloech der op it Reawier by Starum in loge üt ’e groun, dy’t trije dagen mei in öfgriselike reade gloede oan ’e loft stie. De fjirde deis fleach der in greate draek üt op dy’t in healüre lang fen ’e biwenners sjoen waerd. Dêrnei saeide it minster wer yn ’e loge del en waerd op itselde plak wei. Under it biwald fen Ascon, Tabbo syn soan, briek de gleone saed op ’e nij op, mar gyng üt himsels ek wer ticht. Men eange stjerte ef pestilinsje, mar Stavo, hjarren foarnaemste öfgod, andere yn in orakel, det men dêr net bang for hoechde to wezen, en det nei in great tal jierren op dizze gleonens in tige kalde matearje folgje scoe. Scarl., f. 11—12. Yn it jier 164 waerd op it Südwest fen Starum in saed groeven, omtrint in healüre fen ’e stêd 6f, dêr’t in greate oerfloed fen salt wetter boppen ta’n üt streamde, krekt as wier it in fontein. De ynwenners waerden hjir tige kjel fen en eangen, det hjar lan alhiel bidoarn wirde en forgean scoe, lyk as hja fen tofoaren for de gleone saed eange hiene. Nei’t hja oan Stavo offere hiene, krigen hja ta’n andert, det de boarne net ophalde scoe foar en alearen hja it bloed fen in bern fen trije jier der yn sprankelen. Amper hiene hja dit dy . is tolanne komd yn ’e samling fen Anna Marije Schuurman op it stêdhüs to Frentsjer.” dien ef de stream haldde op en men koe suver gjin wetter mear yn ’e saed sjen. Dêrnei hat men de saed tichtsmiten. It lan dêr’t it wetter oerhinne roun wier, bleau trije jierren toar en geld en der woe neat op waechse, mar neitiid bigoun it wer to dragen. Scarl., f. 12. Yn 230 (neffens in oare lezing yn 207, ünder it regear fen Titus, Adelbolt syn broer) is de gleone saed by de berch fen it Reawier, mar achttjin trêdden Westliker, op ’e nij ütboarsten en hat alve dagen öfgriselik heech loge. Nei’t men Stavo trije dagen lang branoffers brocht hie, hat dy oardere om trije krüken salt wetter ut ’e Noardsé to heljen en dy der fen in wapene ridder ynsmite to litten. Scarl., f. 18. De toalfte July 808 liet de ealman Iglo Tadema in djippe saed grave yn syn hof op it Noard fen ’e Kreiler bosk twisken Starum en Inkhuzen. Mar ho djip men ek dolde, der kaem gjin wetter yn, hwet Iglo tige nij die. Hy liet de saed trije dagen sa stean en gong der altomets ris hinne om to sjen eft der yette gjin wetter yn kaem. Tsjin ’e joun fen ’e fjirde dei hearde er in freselike stim, dy’t üt ’e saed wei róp: Flechtsje fen dizze oarde, flechtsje fen dizze oarde! Hy waerd kjel, mar bleau stean en seach, det der hwet wetter yn roun. Hy liet syn soan in bytsje wetter ophelje en preau it; ’t wier pikel. Hy sei do tsjin syn soan: De foarsizzing fen ’e ofgod fen ’e gleone saed scil yet neikomme, hwent al dit lan, ha ’k soarch, scil yet ris sé wirde. Hy forhelle syn soan ho’t it om en ta gien wier en forbea him om der fierders oer to praten. Iglo liet foart de saed wer tichtsmite, hwent syn oerpake, lyk as syn heit him faken sein hie, wier soks ek ris oerkommen. Trije wiken neitiid kaem Iglo Tadema to forstjerren en hy waerd binnen Starum opdroegen. Winsemius, f. 85; Scarl., f. 68. Mounle scil barne. Op it Fliet to Ljouwert stie in mounle dêr’t men nea gjin reade seilen op lizze doarst. Die men it al, den scoe de mounle yn ’e bran fleanC' Iduna, 1857, bl. 146. Dizze sêge wirdt pas düdlik as men wit, det by aids de mounlen by ’t winter twa giele en twa brune seilen hienen. Simmerdeis waerden dy forfongen fen wite en reade. Sjuch hjirfor: De Navorscher, 7e jg-, bl. 194. De Waech scil bliede. Us pake fen memme kant to Lekkum dy’t yn 1924 forstoar en üt ’e Trynwalden ofkomstich wier, hat faken fen in profesije forhelle, det de ald Waech to Ljouwert ienris drippe scil fen it bloed. De Spanjoalen scille den deselde wei troch de stêd nimme dy’t hja ienris lansgien binne. *) Itselde likernöch waerd op Feanwaldsterwal forhelle. As de foarsizzing ütkaem scoe it op in moardzjen gean. ) i) Meidieling KI. Sierksma; a) Folksmüle. De Aldehou scil omfalle. De Aldehou (dy’t slim üt it lead hinget) scil ienris omfalle. En den scille dêr Feanwaldsters op stean. Dit waerd my net as in aerdichheitsje forteld, mar as in foar- sizzing. Folksmüle. De toalfte Augustus 1179 waerd to Westerbjirrum in saed groeven dêr’t salt wetter yn kaem. Men hat him ringen wer tichtsmiten „vrezende nog al dat die zeer oude Afgodts Prophetie nog nakomen zoude”. (!) , , ,AA Scarl., f. 100. It Reade Klif. H. TEIKENS OAN ’E LOFT. Stirtstjerren, Yn it jier 999 forskynde der oer Fryslan in skriklike fjürrige stirtstjerre, dy’t tsien dagen oan ’e loft bleau en dy’t alleman kjel en bang makke. Op dizze forskining is al gau in greate en slimme pestilinsje folge en net allinne yn Fryslan. De measte rykdom spile de wyk, mar hja binne net allegearre oan Gods han untkommen. Winsemius, fol. 120; Ocko Scharl., fol. 82. Yn 1178 (neffens Winsemius 1181) waerd der op ’e nij in ofgriselike stirtstjerre sjoen ~regt boven Friesland”, dy’t nearne oars to sjen wier. Ek hjir is in djüre tiid en in greate pestilinsje op folge. Scharl., fol. 142; Wins., f. 100. De 12e Juny 1180 forskynden der jouns tsjin in üre ef acht fjouwer sinnen oan ’e himel. De trije by-sinnen fordwounen nei in kertier- Scharl., 101. 101. Yn it jier 1182 waerden der in hopen teikens oan it swirk sjoen, lyk as fjouwer sinnen, wapene manljue, in bloedderige rein en oare skriklike tafrielen. Winsem., fol. 229. Tsjusternisse by Ijochtskyn dei. Dit hat him yn Fryslan foardien de 2e Augustus fen it jier 177 n. Kr., oardelüre lang. In hopen waerden der tige kjel fen en seagen der in foarteiken yn, mar der is neat bütenwenstichs op folge. Hênskrift Occo Scarlensis, f. 23, yn: Vrije Fries 1906, bl. 313. Bloedrein. Yn it jier 808 waerd de Deenske fjildoerste Olaus fen de Friezen efterfolge, by de Eems oerwoun en finzen nommen. De oare finzenen waerd de holle ófslein en hj arren omskot yn ’e rivier bruid. De Friezen kearden nei dizze greate oerwinning nei hüs werom en der hearden hja, det der fiif dagen fen tofoaren in bloedderige dauwe op ’e krüden fallen wier, dy’t nou mei de Deenske „nederlage ende bloetstortinge genöch forklearre wier. Winsemius, fol. 85. Yn 1313 foelen der yn Fryslan swiere reinboijen mei bloed formongen, sadet it nöt net ryp wirde koe en der in djüre tnd op folge. Ek brocht men dizze bloedderige rein yn forban mei de partijskippen. Winsemius, fol. 190; Scharl., fol. 138. Mear as ien sinne oan ’e loft. De 16e July 1180 reinde it in kertier geans op it Noard fen Boalsert bloed, dêr’t it jier dêroan troch de partijskippen 18 manljue deaslein waerden, ü.o. Tsjerk Walta. Scharl., fol. 101. Yn it jier 1304 seagen wol fyftich minsken twisken Skarl en Warns in fjuchterij yn ’e loft. Trije dagen letter, op ’e achtste Maeije, om tsien ure, waerd de sinne sa read as bloed. En hommels bigoun it bloed to reinen op itselde plak dêr’t men it fisioen sjoen hie. Dizze rein haldde in kertier oan; do klearre it wer op. Scharl., fol. 133. Yn 1425 seach men alderlei teikens yn ’e loft en fral fjuchterij fen kriichsfolk. It bloed dripte faken op ’e beammen en ’e koalsblêdden del, dêr’t it de oare moarns noch laei. Hènskrift Occo Scarlensis, f. 286, yn: Vrije Fries 1906, bl. 318. Fen striidgeskreau en wapene mannen. De 4e Desimber 944 seach men in pear swier biwapene manljue oer Fryslan, dy t tsjin mankoar oan it fjuchtsjen wierne. Yn 989 hearde men in lüd gerop yn ’e loft fen kriichsfolk en yn 991 op ’e nij, det in hopen minsken kjel makke. Scharl., fol. 81. Koarte tiid nei de 12e Juny 1180 seach men oer Boalsert in f juchtpartij fen wapene mannen, mar hja waerden nei in healüre wei. Scharl., fol. 101. „Anno 1304 hoorde men tusschen Scharl en Warns des nagts omtrent 12 uuren een deerlijk geroep inde Lugt: help, help, help! De lieden uitziende doen, vogten daar twee Mannen zeer deerlijk inde Lugt, regt of ze op de Aarde gestaan hadden daar ook twee Scharl., fol. 133. Dit fisioen moat sjoen wêze dêr’t nou de „Forkearde wei” is. Ek yn 1407 hat men kriichsfolk yn ’e loft fjuchtsjen sjoen en oare frjemde forskynsels merkbiten. Hanskrift Occo Scarlensis, f. 237, yn: Vrije Fries, 1906, bl. 318. Do’t Starum yn 1413 yn ’e macht fen ’e Hollanners wier, waerd der op in nacht in lawaei heard net liker as waerd de stêd bistoarme en ynnomd, sünder det der hwet to sjen wier. Marde 4de Maert fen it folgjende jier kamen de Friezen de stêd oer it mat en namen hjar yn. Hanskrift Occo Scarlensis, yn: Vrije Fries, 1906, bl. 318. Om 1492 hinne waerden der in heap seltsume teikens fen bran fen hüzen sjoen, stridende kloften oan ’e loft, dy’t allegearre nei’t it like wiisden op takomstige dingen, dy’t foar en nei de oankomst fen Hartoch Albrecht fen Saksen bard binne. Winsemius, fol. 314. „Omtrent dese tijden (1494) boven Bolswert te twee uyren inde nacht een schrickelijck ghetier van vechtende mannen inde Locht ghehoort te zyn waer over de wacht sich ontsettende is buyten hopen volks by stonden met zulk een gelaat en maniere tonende regt ofte een yder zyn party moed gaf en versterkte, het welk omtrent een uur lang in ’t aanzien van velen duurde. Ten laatsten is den eenen nedergevallen en overwonnen. Na welken de overwinnaar de handen van beide partijen vereenigde en te gaar voegde en zijn zo gelijkelijk in eenen oogenblik vergaan en weder verdwenen. Over de 50 personen waren van dit schouwspel getuige.” opt pleyn van den wall gheloopen, om te sien ofte oock de partijen buyten de Poorte of elders de handen tesamen hadden geslagen mochten hebben. Dan niet vernemende, evenwel denckende dat het schrickelyck gheroep van vechten ende slaen uyt de Locht comende, eer niet langhe wat beschrijven soude, ghelyck oock korts na deze gheschiet is.” Winsemius, fol. 325. Yn 1568 forskynden der oer Fryslan forskate fisioenen fen fjuchtsjende manljuwe, binammen de 23ste Maeije, de jouns om saun üre. Yn it hiele lan eange men, hjir scoe yn ef om Fryslan hinne in freselike striid üntstean, det ek al sa ütkomd is. Hwent de deis dêroan waerd Steedhalder Arenbergh fen greve Loadewyk forslein. Winsemius, fol. 543. Yn 1566 habbe in boer en syn wiif nuvere teikens oan ’e loft sjoen, lyk as blykt üt ’e oanteikenings fen Andries Grijf, grytman fen Utingeradiel. Dizze boer, Eebe Doyes, dy’t to Akkrora wenne, kaem, nei’t men him der op oanstien hie, by de grytman en tsjüge, ~dat hy drie weken na lacobi inden Jare ses ende tsestich op sijne bedde leggende, ghesien hadde, sijne Glasen bloedrood te zijn ende dat hy daer over ontset ende verschrickt van sijnen bedde opgestaan was ende gesien hadde int Noorden de Lucht seer licht te zijn ende roodt-verwich, als oock mede inde selve Lucht sekere plaetse van soo een hooghte ofte distantie, als ofte het de Grouster-Toorn zyn mochte, in welcke twee Heyr-Leghers met Volck malcanderen schenen te ontmoeten ende de handen aen malcanderen te slaen, waervan de eene parthije van Oosten en de andere van Westen scheen te comen ende malcanderen soo te aentasten, datmen gheen scheydinghe tusschen beyden sien conde. Het scheen oock mede, dat beyde parthijen in ’t heymelijcken seeckere Troupen ofte hindertocht ghelaten hadden, stille staende ende na langhe ghevecht, gheduyrende De grytman wier fen bitinken, dit sloech op ’e slach by Hilligerlé en de folgjende slach by Jemmingen yn Reiderlan. Winsemius, fol. 543—544. „Een wonderlyck Teken ende Mirakel des Heeren. Yn de Bibliotheca Duncaniana op de Nasj. Bibleteek yn De Haech foun Mr. J. Dirks ü.o. in lyts boekje fen mar trije siden, det de wiidweidige titel draecht: „Een waerachtige beschryvinghe vaneen wonderlyck Teken ende Mirakel des Heeren, hetwelck gheschiet is in Vrieslandt boven de vrij Anze Stadt Boolswaerdt: Alwaer Godt almachtich zijn wonderlijck teeken aan ’t Firmament des Hemels heeft ghetoont ende bewesen. Hoe dat aen den Hemel verschenen zijn een groote menichte van Ruyters ende Knechten, dewelcke seer schrickelijck teghen malcanderen vochten, hetwelck noijt inde Nederlanden en is gebeurt. Gheschiet den 16 November 1618. Eerst ghedruckt tot Leeuwaerden bij Abraham van den Rade. Ende nu tot Franicker bij Hans Lammerincx, Anno 1618.” De ynhald fen dit skriftke det Mr. Dirks yn ’e „Nieuwe Friesche Volks-Almanak” fen 1856 yn syn hiele hear en fear oernimt, is for üs doel allinne fen bilang fen de eigentlike biskriuwing fen dit „wonderlyck teeken”: „Het is gheschiet op den sesten October nae den ouden styl ende op den sestienden nae den nieuwen styl, des nachts ten twaalf uren, dat de Ronde van de Borghers wacht, waarby vergeselschapt is gheweest de Wacht-meester van de voorsegde Stadt Boolswaert, des nachts de Ronde om de wallen hebben ghedaen ende gecomen zynde omtrent het nieuwe Stadthuys, hebben zy vernomen een vreesselyck ende schrickelyck tempeest ende onweer aen den Hemel; den tijdt van anderhalfuyre die parthije, welcke van ’t Oosten ghecomen was, te rugghe geweken en die van Westen hen vervolght te hebben. Na welcke alles wederom verdwenen was.” het scheen dat den Hemel had gheweest een schrickelyck brandend vyer, met een afgryselyck gherommel oft alle de Trommelen ende Trompetten van de Werelt hadden gheslaghen ende gheblasen, waervan sy seer verschrikt ende verbaest syn gheweest, hebbende sommighe Borghers, die omtrent het Stadthuys woonden, opgheklopt, om de wonder Teekenen des Heeren te aenschouwen; ende omtrent een ure hebben sy ghesien uyt den zuyd-wêsten comen een groote gheweldighen hoop volcx als oft krychsluyden en soldaten gheweest hadden, die met haer volle gheweer quamen aentrecken met vlieghende vaendels ende slaende trommen, waervan de Menschen seer verschrickt syn gheweest ende baden den Heere dat hy syn grouwelycke straffen van haer soude willen afwenden. Daer nae hebben sy nog uyt den Zuyden ende Westen sien comen een groote menichte van Ruyters met hare banieren ende blasende Trompetten, dat het scheen oft de heele locht was met krychslui beset, ende duerde tot 2 uren, nae middernacht, ende hebben alsdoen ghehoort een schrickelyck gheroep oft een veltgheschrey gheweest hadt, dat de krychsluyden tot malcanderen hadden inghevallen ende die stadt tot 3 hoecken souden overvallen hebben, waarover de Menschen seer verschrickt ende verbaest syn geworden. Dit wonderlyck Teecken is van menich loofwaerdich persoon ghesien. Ende omtrent dese tyt is in Vrieslandt tusschen Sneeck en de Jouuer inden Morgenstondt ghesien een vreesselycke comeet oft starre met een staert; zyn staert was als een bloedige geessel oft roede, en scheen wel een spies langh te wesen, dewelcke oock van menich mensch is gesien.” De skriuwer makket üt dizze forskynsels op „als dat den hooghsten ende jonghsten dach van reeckeninghe voorhanden is,” det him oanlieding jowt ta in boetepreek, yette langer as de biskriuwing fen de striid dy’t Boalsert for de safolleste kear boppe syn wallen oanskógje koe. N. Fr. Volksalm. 1856, bl. 19—22. Teenstra, Volksverh. en Leg., bl. 124. I. FEN ROVERS EN SKARLUNEN. De dea fen in Swartmakker. Yn ’e nacht fen 7 op 8 Febrewaris 1799 waerd der to Readtsjerk ynbritsen op ’e pleats fen Tryntsje Reinders, widdou fen Willem Oenes, dy’t mei hjar soan Oene dit spil biboerke. Handedich oan dizze misdied wierne in stik ef seis saneamde Swartmakkers üt ’e Geast en Feanwalden, dy’t pas folie letter oppakt wirde koene. It wierne in Lieuwe, Hattum, Klaes, Marten, Piter en Gjerrit fannen hiene hja net hwêrfen de aldste ien-en-tritich en de jongste njuggentjin jier wier. Marten, dy’t de tanamme ~De Wylde” hie, wiste yet to üntkommen, mar op ’t lést waerd hy fen in smid üt Feanwalden deasketten. Dizze smid hat sünt net wer rjucht by de tiid west, wylst de bloedspoaren fen ’e wein dêr’t it lyk fen Marten op forfierd waerd, net wer üt to wiskjen wierne. Soks neffens it alde sechje: bloed wisket nea wer óf. Nieuwsbl. van Friesl. 21-2-1906. De folksmüle bifêstige my dizze lezing. Men forhelle my, det Wylde Marten syn fan De Vries wier en det er op in lyts eilantsje by de Lodde Hel, it saneamde Divelseilantsje, deasketten waerd. Fierders geane der alderlei forhalen oer Wylde Marten, lyk as bliken docht üt it folgjende: Wylde Marten. Earen wenne der to Readtsjerk in greate grouwe keardel, dy t men Wylde Marten neamde. Hy wier woest as gjin oar en elkenien Yn 1666 seach in boer to Arum dy’t op syn bêd laei, de glêzen bloedderich read. Hy gong der óf en seach do yn it Noarden yn ’e readeftige loft twa legers, dy’t fen it Westen en it Easten op elkoar óf teagen en bigounen to fjuchtsjen. wier deabinaud for him. Det hie syn gefolgen: Wylde Marten bigoun to stellen en róve alles bij inoar hwet er mar krije koe. Sims kamen tsjinners fen it gerjucht mei man en macht opsetten om him to pakken, hwent allinnich doarsten hja it net oan fensels. Mar do op in kear sieten hja him efter de boksen en do wier Marten ynienen foart. En hy kaem net wer. Hwer’t er wier? Yn Readtsjerk leit yn in ald sleat tichte by de skoalle in öfgryslik greaten stien. Earen moat dy greater west habbe as nou, hwent men hat him stikken slein. > Under dizze stien nou krüpte Marten wei. Om to sykheljen hie er in greate reid yn ’e müle nommen dy’t boppe it wetter üt kaem! Neffens in oare lezing haldde Wylde Marten him biside efter de stien. As den de plysje foart wier, sprong er mei in reid yn ’e müle yn ’t wetter en swom ünder wetter troch de mannen foarüt, dy’t him den letter wer foar hjar eagen rinnen seagen. (Folksmüle to Oentsjerk) Meidieling KL Sierksma. De soldaten fen Barhüs. Yn it tün fen Barhüs, in boerepleats oan ’e strjitwei twisken Goutum en Wirdum, foart by de spoarhikken, steane twa soldatebylden, ien op it hynder, de oare mei it gewear oer ’t skouder. Mear as ien forhael giet der oer dizze bylden gun sizze, hja steane der noch üt ’e Spaenske oarloch, wylst oaren se yn forban bringe mei de Franske tiden. Mar nimmen wit it rjuchte der fen, de histoarje jowt gjin ütslütsel. De folksfantasije forhellet: Yn ’e tiid do’t de reizerij noch lang sa net yn oarder wier as nou, kaem der ris in soldaet dy’t by ’t hyngstefolk laei, op it hynder op Barhüs en frege in Onderkommen for de nacht. De boer hie gjin biswier, it hynder waerd op ’e stal set en al gau siet de soldaet om ’e hird. Do’t it al moai let waerd, kaem der ek yette in frommins to It frommins sette 6f, mar efkes fierder, efter in hikke, joech hja hjar del. De soldaet dy’t krekt efkes bütendoar wier, hie it petear wol heard en nou kaem him dit dwaen wol hwet nuver foar. Hy gyng dêrom ek forskül sitten en wachte öf. Do’t it frommins sahwet hinne en werom nei de bürljuwe west habbe koe, kaem hja wer foar ’t ljocht en forskynde op ’e nij op ’e pleats mei it boadskip, men hie hjar foar de holle stjitten en eft hja nou wol bliuwe mochte. De boer, for hwa’t it nou min wegerjen wier, liet hjar do yn ’e hüs komme. It slagge de soldaet om de boer üngemirkenwei appart to krijen en him to fortellen det er it spil net stie. Him tochte, it frommins koe wol in manminske yn frouljuesklean wêze. De boer woe fensels graech wissichheit habbe. Dêr wiste de soldaet wol rie ta. De boer moast aenst mei in koerke mei apels komme en dêr elts ien fen jaen. Mar hy moast it frommins de apel yn ’e skerte smite. Wier it winliks in frommins den scoe hja de knibbels wol fen inoar dwaen, mar mocht it in keardel wêze, den scoe it krekt oarsom gean. De proef waerd nommen en . . . it die bliken, it „frommins” wier in manskeardel. Do wisten de boer en de soldaet wol ho let as it wier. Hja gongen der efkes tit en praetten goed öf hwet hja dwaen scoene. De beide soannen waerden derby ynhelle en mei in gewear op wacht set. It waerd bêdgeanderstiid en it wiif krige in plakje yn it hea. De soldaet krüpte efter it hynder, tominsen det sei er tsjin it frommins. Mar yn ’e wirklikheid gyng er efter it handerskut stean en lei er in bosk strie mei syn soldateklean der om hinne by it hynder del. Efkes nei toalven kaem it frommins mei in kearske yn ’e han it büthüs del. Mei in mês stiek hja yn ’e striepop en sei: „Dat is er een.” Mar op it selde stuit ünderhelle de soldaet syn degen en sloech freegjen eft hja hjar ek bêdzje koene. De boer andere, hja hiene al in slieper en twa det wier him stüfernöch. Det hja moast earst mar ris by syn bürljuwe freegje, dy’t der in moai eintsje öf wennen. Den koene hja ris wer sjen. it frommins oer it handerskut hinne tsjin ’e groun, wylst er rop: „En det is der twa!” Mei fleach er nei foaren en det wier ek wol nedich, hwent üt it lan wei kamen acht rovers oanstrunen. De soldaet hie soks wol forwachte, hy sette de foardoar yn it kier en fluite. De rovers tochten det alles yn oarder wier en ien foar oar kamen hja ta it hüs yn. Mar efter de doar stiene de fjouwer manljue en dy soargen der wol foar, det dy’t der ienkear yn wier der net wer ütkaem en gjin kwea mear dwaen koe. Fiif rovers waerden deaslein, trije hiene gelegenheit om fen ruten to spyljen. Mar folie hat hjarren det net jown. In jiermennich letter waerden hja doch oppakt. De boer wier de soldaet tige tankber for syn snoadens en syn moedich halden en dragen. Hy liet twa bylden fen ’e soldaet yn it hiem sette; ien sa ’t er der oankaem op it hynder, en in oar as stie er op wacht. Folksmüle. Bloedplak to Wjilsryp. Yn ’e nacht fen 24 op 25 Augustus 1789 waerden to Wjilsryp in alde boer en syn hüshaldster dy’t ek al op jierren wier, formoarde en bistellen. Dy’t it dien hiene krige men net to pakken, mar wol siet der op ien fen ’e mendoarren dêr’t men de moarns de liken foun, in great bloedderich plak, det der net of woe. Op hwet menearen men ek bisocht om de doar skjin to krijen, nei forrin fen langer ef koarter kaem it plak hieltiten wer foar it ljocht. Do’t Waling Dykstra sa’n foege jonge wier, liet men it noch sjen. Ek forhelle men do, det der net lang fen tofoaren by Wjilsryp in ald smid stoarn wier dy’t op syn deadsbêd bikend hie, oan ’e moard handedich west to habben. Syn bern binne allegearre earm wirden. W. D. I, bl. 160. De bloedrige ikker. „Fen myn skoanfaer, in ald man fen 82 jier, fornaem ik, det der op in stik bütlan yn ’e Hommerts ek in Bloedrige Ikker wier. Det moat bard wêze op ien fen ’e stikken bütlan by it tsjinwirdige Pompstasjon fen ’e wetterlieding.” Folksmüle to Jutryp. O. Santema teikent hjirby yn nr. 73 fen „Ut it Lan fen ’e Wimerts” (yn „Drijfhouts Nieuwsblad”) oan : „Yn it Reg. van Aanbreng fen 1511 foun ik ek al sa’n soarte namme: Blodige Acker. Do ien p.m. great.” De Moardnersfinne. Yn it wetterskip „De Leppedyk” twisken Akkrom en Grou leit in hoekje lan, det de Moardnersfinne neamd wirdt. Neffens it sizzen moat dêr lang forlyn ris in moard bard wêze. Folksmüle. Galgesêgen. Ljouwert hie aldtyds twa galgen, ien yn ’e stêd en ien yn ’e Galgefinne oan ’e Harnser trekfeart (dêr’t nou de Fortuna stiet). Op in joun ’t wier ljochtmoannewaer is it ris bard, det der in skip by de Galgefinne lans fear en de skipper dy’t by it roer stie en dy’t seach det der twa liken oan ’e galge hongen, rop üt ’e gek: Jimme moatte in eintsje opskikke. Der moat noch ien hingje. Mar foart dêroan rop in stim dy’t fen ’e galge like to kommen: Ne, hjir net, mar to Poarmerein! De skipper waerd tige kjel, mar sei det er der neat fen bigriep. In jier letter lykwols waerd him dit düdlik makke. It die bliken det hy handedich wier oan in misdied dêr’t men de dieder nea fen krije kind hie; hy krige de deastraffe en waerd to Poarmerein ophongen! Portef. D, Mearkes en sêgen, ald-archyf Selskip (95); De Bijekoer 1890. 22 It sizzen is, det op dy ikker twa mieren ris sa slim deilis rekken, det de iene de oare mei de seine to liif gong en syn maet sa üngelokkich rekke waerd, det er troch to folie bloedforlies, dêr stoarn is. Oan ’e Harnser trekwei efkes buten Ljouwert habbe de galge en it réd stien. It hjit dér nou noch it Galgerek. Op in kear kaem der in jonge foarby dy’t yn ’e line loek, en dy seach it lyk fen ien dy’t hwet op syn breaprikke hawn hie, op it réd sitten. Drystwei rop er tsjin de deade: Hei, giest mei? Nou wier dér ek in flearboskje by de galge en dér siet in jonge yn dy’t fleartükjes oan it ploaitsjen wier. Dy hearde det roppen en tocht det it tsjin him wier. Dêrom rop er oer it wetter: Ja, ik kom der oan; mar ik moat earst noch in pear tükjes flear ha! De jonge oan ’e oare kant tocht fensels det de deade andert joech; hy loek de line suver stikken! Folksmüle. Japik Ingberts. Yn it lést fen ’e 18e ieu en yn it bigjin fen ’e 19e libbe der yn Fryslan in greaten skarlün, Japik Ingberts by namme. Hwêr’t hy wenne hat, wit men net krekt to sizzen. Gün sizze to Rien, oaren yn ’e omkriten fen Drachten. De Geast is ek al ris for syn wenplak forsliten. Ho dit ek wêze mei, fêst stiet, det der in hopen teltsjes fen him forhelle waerden. Ho’t er to wirk gyng. Japik wier in bitüften linigen keardel en seis yn in fordek mei twa fen ’e béste hynders der foar, wier men net feilich foar him. As gong sa’n reau der oer as de wyn, Japik koe yette hirder. Hy naem in lyts oanrintsje en yn twa tellen wier er boppe oer ’e kape hinne en siet er neist de foerman op it foarbankje. Jimme fetsje wol, det it folk det der yn siet, den fen kjeltme fin noch fear reppe koe en det üs maet, net loai, hjar den handich fen al hjar habben en halden üntlêstige. En as er den alles yn ’e büse hie, hwet him noaske, den sei er hjarren frjeonlik goejoun en foart wier er wer, like fluch en ünforwachte as er üt ’e loft fallen komd wier. De stêdtsjers koe er sims moai forrifelje. Us heit hat seis ris sjoen, ho’t er in alde fette boerinne, dy’t op ’e Nijstêd to Ljouwert foar in silversmidswinkel stie to gobberjen, it breed gouden earizer fen ’e holle skoerde en do’t op it geskreau en gebear fen det sloop de pelysje fen alle kanten der op ta stouwen kaem, sprong er mar efkes oer ’e grêft, eft it in grippeltsje wier en do naeide er de stêd üt, sa hird as er koe, en as Japik de sokken der yn sette, den koe seis gjin hynder it tsjin him halde. Op in Freed oerdei pankoeke er wer ris yn ’e stêd om. Der stie in bakker yn ’e winkeldoar mei sa’n swier, blinkend haloazjekjetling foar ’t liif, det Japik-om der syn eagen net öfhalde koe. Hy stapte yn ’e winkel op en easke in grou-weitenbole fen ’e baes; mar do’t de man der in papier omdwaen woe, sei er, sabeare bleu: Né baes, det hoecht net; it is hjir eigentlik om in grap to dwaen, dêr’t ik net folie aerdichheid mear oan ha, nou’t it safier is. Mar ik wol dóch myn weddenskip, det ik wol mei in böle fen efteren ünder ’t kammesoal troch de stêd rinne doarst, net forlieze. En nou scil de baes my de böle der fêst wol efkes ünder triuwe wolle. Mei iens bügde er him foaroer oer ’e toanbank en, wylst de bakker oer him hinne hong om him it kammesoal op to tillen, heakke er bidaerd it moaije kjetling los en liet dit, mei it swiere haloazje der oan, stil yn syn foerlekkense bokse delglide. De bakker treau him de böle lyk yn ’t midden fen ’e rêch, sadet him dêr in moaije roune bult like to sitten en hy skattere it üt, do t it boerke earst yetteris mei in forlegen troanje oer it skouder nei det pitertuerlik ütwas gloerke, ear’t er de winkel utstapte, en hy koe net wer ophalde fen laeitsjen ear’t Japik mei syn bult de neiste hoeke om wier. Mar do wier de pret gau üt! De pelysje moast dalik komme en hiele Ljouwert kaem derby to pas; marde bretale dief wier fensels nearne mear to bikennen. Japik en de stêdtsjers. Ho’t hy de eksteurs foar ’e kroade ried. Om al de fiten dy’t er ütheefd hie, waerd bisletten, it hiele lan scoe trochsocht wirde om Japik yn hannen to krijen. Twa fen ’e bitüftste Ljouwerter fjildwachters namen de Geastmer kontreijen for hjar rekken. Mei twa eabele gudzen foar de wein rieden hja greatmachtich de Hoeksterpoarte üt. Elts dy’t hjar yn ’e mjitte kaem, waerd oanroppen, eft er Japik Ingberts ek koe en eft er him dy deis ek sjoen hie. Nou, yn ’t bigjin joech det net folie; mar do’t hja efkes in slok hawn hiene yn in lyts herberchje oan ’e wei, kaem hjarren in ienfaldich Waldboerke fen efteren op, mei in skieppegrouwen baeitsje oan en brathoazzen oan ’e foetten, dy’t sei, det hy wol wiste, ho’t Japik Ingberts der ütseach en frege, eft er in eintsje mei hjarren ride mochte. Det like de fjildwachters goed ta en it boerke ried mei oan ’e Hege Brêge ta, sünder det hja hwet fen Japik fornommen hiene. Japik Ingberts en de Eksteurs. „For Hüs en Hiem”, 1888, bl. 157—160. Japik en syn sjerpnegoasje. Japik hat ek op ’e Koatstertille wenne, dêr’t er in smoarch winkeltsje hie. Op in Snjeontojoun wier it Tilster fearskip oankomd mei in heap boadskippen üt ’e stêd. Sa wier der ek in fet mei sjerp yn for in man üt Optwizel. Mar do’t dy syn sjerp helje scoe, wier it fet der net. Om’t Japik-om de namme hie, det er in oar sines wol ris opbirch, waerd der al ornearre, det hy der mei mank west hie. De oare moarns kamen de grytman en twa tsjinders en noasken de boel by Japik ris tige troch. It fet wier net to finen, mar wol hwet de romte fen sjerp. In toarn letter moast Japik al foar it rjucht to Ljouwert komme. Nou wierne der twa tsjügen, dy’t oan ’e rjuchter forteld hiene, det hja de Snjeontojouns by Japik-om gjin sjerp krije kind hiene, en in oaren, dy hie de Sneintomoarns al sjerp krige. Mar Japik liet him net pakke. Sjuch, hearen, sei er, de ljue dy’t Snjeon om sjerp fregen, hieden gjin jild en do hie Japik-om ek gjin sjerp. Marde man dy’t Sneintomoarn kaem, dy hie al splint en doe hie Japikom ek wol sjerp. De hearen habbe gjin forstan fen de sjerpnegoasje! En Japikom waerd hwet fier frijspritsen! „For Hüs en Hiem”, 1888, bl. 352—353. Japik to Ljouwert. Japik-om wier ris to Ljouwert en seach fensels wer tige om Do woed er der wol wer óf, sei er, en hja hiene mar pas stilhalden, ef hy wier fen ’e wein óf en mei ien set oer ’e brede feart hinne. Oan ’e oare kant róp er gnyskjend: Sjesa frjeonen, nou habbe jimme Japik Ingberts sjoen, mar jimme sjugge him net wer, leau det mar! En, ear’t de forbjustere tsjinners fen it rjucht wer by hjar saken wierne, hie er al lang fen ruten spile, nei’t er earst yette, om hjar to hünjen, op syn efterein slein hie. him hinne, eft der ek hwet to dievjen foei. Ja man! in skoenmakker hie bütendoar in bisending skoen ütstalle. Det like him wol, en hy pakte linich in pear en gong mei greate stappen foart. Marde skoenmakker hie troch it winkelglês it oansjoen, kaem hastich bütendoar en mei ’t er seisde kaper neisette, rop er: „Krij de man! Krij de man!” Japik nou róp allike lüd: „Krij de man! Krij de man!” Sa rounen de minsken foar him üt de skoen wierne fensels forstritsen om de dief to snappen, marde measten hearden noch seagen de dief en makken rjuchtsomkeard. Oant de skoenmakker Japik oanwiisde en sei safolle as: „Pak oan! Dy is it!” len haldde him nou by it boarst fêst, mar Japik sei: Hwet scoestü, heite! It giet om in mingelen bier de skoenmakker en ik hwa ’t earst ta de poarte üt is. Nou, de man woe him net ünnedich opkeare en liet him bitsjen. Japik kaem buten de poarte en is do fjerders mei syn büt üntkommen! It Heitelan, 25 Okt. 1919. Japik en de snoade kastlein. Japik oernachte ris yn in lyts herberchje, pür op ’e romte. Hy seach der kreas üt en de kastlein haldde him for in keapman. Do’t de gast to kennen joech, hy woede oare moarns bytiid der öf om nei Ljouwert, kaem det moai üt, hwent de kastlein woe ek nei stêd. Hja scoene den mar togearre. Japik krüpte to koai, mar hy bleau der net lang, hwent hy hie wol sjoen det de kastlein in gnappe kou op ’e stal hie. Daelks hie er syn birekkening dêr oer makke en do’t alles yn ’e hüs sliepte, glüpte Japik nei ’t büthüs, makke de kou los en sette der mei foart. Sahwet in oardel üre fierder kloppe er in boer op en forhelle det er de kou for syn baes nei Ljouwert bringe moast, mar det er in brief lizze liften hie det nedich mei moast. Hy woe nou mar werom gean en lit de kou by de boer, as dy ’t lije woe. Det wier goed dos socht Japik de harbarge en it smüke bêd wer op. De kastlein biseach de kou in reismennich fen alle kanten en koe der mar net oer üt, det it bist sa tige de kou like dy’t hy de jouns tofoaren noch yn syn eigen büthüs stean sjoen hie. Det it ’t selde bist wier, kaem net yn him op. Japik ünthjitte de kastlein in goede bileanning as er it bist for fiks jild forkeapje koe en de snoade man gong swietfleurich mei syn eigen kou nei de merk. Yn ’t „Wagentsje” metten hja elkoar wer de kastlein hie ƒ 62. for it bist krige. Japik striek it jild op en trune wiles de kastlein oan om hwet to bistellen. It smakke hjarren bést en ’t wier hast oan ’t biteljen ta, do’t Japik ynienen oereinfleach mei de ütrop: Dy diveker! Dêr ha’k yet in nedich boadskip forgetten. Dêr moat ik wol gau op los, oars is ’t wrychtich to let. Derby bearde er, det er hwet skrousk en binnenkoartsich wier. De kastlein joech him üt goederbêst syn jas mei en wachte oant syn maet werom komme scoe. Dit barde lykwols net, mar dy’t al kamen, det wieme de kastlein syn jonge mei it boadskip det de kou stellen wier, en de kastlein fen ’t „Wagentsje” mei de rekken. , f. Do hie de man gau yn ’e noas det Japik Ingberts him to fiter hawn hie en mismoedich kroaske er mei syn jonge nei hüs. Do’t er De oare moarns kuijeren de beide reizgers op Ljouwert oan; do’t hja by de pleats wierne dêr’t de kou stie, sei de biisfeint, hy moast efkes by de boer oan, hwent dêr moast er noch sechtich goune fen habbe. As ’t jo to lang dürret, kastlein, moatte jo mar foarüt kuijerje. Det like dizze ek mar it béste ta en hja praetten öf, hja scoene mankoar yn it lyts „Wagentsje” fine. Do’t Japik in skoftsje letter mei syn kou oansetten kaem, siet de kastlein al efter in romer en hy sette nuvere eagen op, do’t er Japik mei in koubist üntdiek det sa’n protte fen sines wei hie. Ja, sei Japik, it wier al wer dealde sang: hy hie gjin jild. Dêrom hab ’k de kou mar meinommen en nou scoene jo mei in tige deugd dwaen, as jo him for sechtich goune oan ’e merk bringe kinne. Ik hab fen kouwefé einsen neat gjin forstan. thüskaem krige er yet de hüd fol kibjen fen syn wiif, om’t er sa sleau west hie. Wal. Dijkstra, Aid en nij, bl. 82—86; Fr. Hüsfrj. 1854, bl. 36—42. Hwet de folksmüle seit. Japik Ingberts hie altiten syn fêste gewoanten as er üt to stellen scoe. Hy kaem tsjin bêdgeanderstiid altiten bütendoar mei de broeksbannen los en makke den in praetsje mei de bürljuwe. Letter gong er yn ’e hüs, krekt eft er lizze scoe. Mar as alleman slepte, makke hy syn klean wer fêst en sette de nacht yn. Hy stiel al gau in hynder, ried der in ein op foart, stiel den wer in hynder, jage it earste it lan yn, ensf. Sa gong it op ’e stêd oan ef hwêr’t er hinne moast. Waerd der nachts earne hwet stellen, den seine Japik syn bürljuwe altiten: Nou, Japik kin it net dien habbe, hwent hy laei jisterjoun al. Op in kear wier Japik-om to Ljouwert en hy hie grif wer it iene ef oare op syn breaprikke, hwent hja sochten om him. De skutters stiene oan ’e poarten en alleman waerd oanhalden. Mar Japik wier in snoaden ien. Hy hie wol jild yn ’e büse en dêr koft er in dümnyspak fen, sette in hege hoed op en hier dein koetsier. Do’t it reau ta de poarte üt scoe en de skutters fregen hwa’t dêr hinne gong, andere de koetsier: O, dümny dy en dy; hy moat dêr en dêr hinne to preekjen. Dit wier wol yn oarder, tochten de skutters en hja lieten it reau bitsjen. Sa rekke Japik sünder Ongemakken ta de stêd üt. Folksmüle. De „moord niet’’-beam. Yn ’e earste helte fen ’e 19e ieu waerd yn skimerjoun op ’e wei nei Balk in 23-jierrige boeredochter fen Harich dy’t to boadskipjen west hie, formoarde. Men hie de misdied graech op namme set fen As men de rydwei fen Kipenboarch nei Balk lans giet, den fynt men lofts fen ’e wei in moai swiere ikebeam op ’e bjirm stean. Yn ’e bast fen dy beam stiet mei greate letters snien: Moord niet. Det opskrift is der foart nei de moard ynsnien en lange tiid hat men der for soarge, det de letters oanskerpe waerden, marde léste jierren is dit hwet oan ’t sloeren, det de warsköging is mar skraech mear to lézen. ’t Lyk fen it formoarde famke waerd fen hjar eigen mem by dizze beam foun; de stam siet ünder it bloed, forhelle men, en de bloedplakken wierne der net óf to krijen, hearde men in jiermennich lyn yet sizzen. Do’t de gemeinte de bjirmen ünteigene, hat hja de moardbeam stean litten, alhowol er büten de roailine stiet. Nieuw Advertentieblad, 14-9-1889. ’e „Swarte Skearsliper” ien üt ’e neiteam fen ’e greate skarlün Schinderhannes, nei’t men woe mar al gau krigen de „Wytsjers” (fjildwachters) in skean each op immen ünder Wikel wei, dy’t oppakt waerd. j. fen Alde gebouwen, ensf. De Aldehou I. De grouwe stompe toer to Ljouwert dy’t Aldehou hjit, is dêr op in stikje groun oandriuwen kommen en do’t er op it sté wier dêr’t er nou stiet, bleau er dêr, om’t in ald wyfke det dêr siet to spinnen, sei: Hou, alde hou! Dêr hat de toer syn namme fen halden. 11. De Aldehou is to Ljouwert op in hoeke lan oandriuwen komd en do’t er oanlanne wier, hat men him mei in triedtsje fêstboun om as beaken yn sé to tsjinjen. Sünt is dêr stean bleaun. Oaren sizze, hy is op in koalsblêd oandreaun. Iduna, VII (1851), bl. 112. De Aldehou. De Aldehou hinget al sünt er yn ’e jierren 1529—1533 boud is, slim üt it lead. It folk wist eartiids tige skoan ho’t det sa komd is. Dêr tsjüget de folgjende sêge fen dy’t üntliend is oan Tsjeard Velstra syn romantysk toanielstik ~It heechste Rjucht ef de Boumaster fen ’e Aldehou” (1910 net printe). It is dizze sêge dy’t yette by somlike fen ’e alderein to Ljouwert wol bikend is, marden sünder it forhael fen ’e wiersizzerij. Yn it bigjin fen ’e 16e ieu wreide Ljouwert him gedurigen üt en de stêdsbistjürders woene lyk as alle oare boargers minlike graech in hege toer neist dealde tsjerke fen Aldehou habbe, dy’t men üren yn ’e omkriten sjen koe. For it stiftsjen fen it bouwirk tanten hja in wiersizster, alde Brechtsje, dy’t hjarren oanrette for it lizzen fen ’e fjouwer hoekstiennen fjouwer manljue to nimmen dy’t der ütkipen troch earlikens en rjuchtfeardigens. De opjefte om dy manljue to finen wier net maklik, mar op ’t lést koene hja doch trije oanwize. En de fjirde man lieten hja fen it folk kieze; det waerd de keapman Sippe Noarmans. Boumaster fen ’e toer waerd Japik fen Aken en nei ’t de hoekstiennen mei earbitoan to plak lein wierne, koe it op in bouwen gean. It wirk einde skoan. De Ljouwerters koene suver alle dagen sjen det de machtige stienklompe heger en heger waerde. Skielk scoe de stêd in toer habbe dêr’t men greatsk op wêze koe. Lykwols, der kaem hommels in kinkel yn ’e kabel; der barde hwet det net sünder gefolgen bleau for it steatlike gebou. Sippe Noarmans, de man dy’t de fjirde hoekstien lein hie, rekke foreale op Van Aken syn dochter dy’t it lykwols al tomük mei de earste feint fen hjar heit, Knjillis Frearks, iens wirden wier. Mar Sippe liet him samar net ofstegerje en do’t de faem op in kear allinne wier, naem er syn trekken waer. Hy pleite mei ynmoed, hja scoe him hjar han jaen en hy makke it hjar op ’t lest sa lêstich, det hja hiet De boumaster fen ’e Aldehou. him om him öf to jaen. Do sloech de ljeafde by Sippe yn hate om en hy ünderhelle syn dolk om dêrmei de faem to liif. Op det stuit waerd de doar opsmiten en dér stie de boumaster, dy’t syn bern om help roppen heard hie. Hy krige in swiere hammer en sloech dér mei op Sippe los dy’t hy by üngelok op ’e holle rekke. As in blok siichde de jongkeardel der hinne dea. En sa moast Van Aken foar it rjucht komme det him ta de galge foroardiele. Marde boumaster koe net yn dy straffe birêste; hie hy net syn dochter hjar eare en libben fordigene? Dêrom liet hy Brechtsje komme en dy joech him wer moed. It heechste rjucht scil sprekke, sei hja, en Jou ünskild biwize. Wylst master Japik yn ’e finzenis siet, riisde de Aldehou heger en heger. Oant op in dei de ünderboumaster üntdiek, det de toer yn syn founeminten skoerde en nei it Noardwesten oersakke. It wirkfolk stie forslein, de boargers wieme toloarsteld. Nea scoe de toer wirde hwet hja der fen forwachte hiene .... Wilens kaem de dei det Japik van Aken rjuchte wirde scoe, tichter by. Yet ien dei en oan de galge scoe in man dy’t syn dochter fordigene hie, hingje. Marde wiersizster spriek heit en dochter moed yn, ek yn dizze léste swiere üren. Do boarstte hommels oer de stêd in swierwaer los en wylst it ljocht net fen ’e loft wier, kindige Brechtsje steatlik oan: It heechste rjucht sprekt! Hja hie dizze wirden yet net sein, ef de elderman kaem ta de doar yn en fleach op ’e finzene ta, wylst er bliid utröp: Jo binne frij! De rjuchter hat Jo frijspritsen. It hat bliken dien, det de toer oerhinget op ’e hoekstien dy’t fen Sippe Noarmans lein is. Hjir kin men üt sjen det hy in ünrjuchtfeardigen-ien west hat. Yet altiten hinget de Aldehou üt it lead en dêrom is er ek nea dienboud. S. Koldyk hat yn „For Hüs en Hiem” (1889, bl. 193) de sêge metrysk biwirke en is dêrby hwet wiidweidiger as Veldstra. Hy jowt gans dichterlike ütwreidingen dy’t de folksmüle net ken. Ofgeande op ynhald, styl en foarm wol De braspenning. Neffens in oare oerlevering fortsjinne de boumaster deis in braspenning (tsien duiten). Det wier yn syn eagen blykber net in bytsje, hwent do’t er op in middei thüskaem om to iten en frege hwet de pot skafte, skopte er mei de wirden: Is det nou kost for in man dy’t alle dagen in braspenning fortsjinnet? de pot mei earte om dy’t syn wiif krekt fen it f jür nommen en oer ’e flier set hie om hwet óf to koeljen. Iduna XIII, s. 154. De folksmüle forhellet yette altiten, det de „Oudehooft” (sa sizze dealde Ljouwerters) alearenasljochttoertsjinne hat for de skippen dy’t op ’e Middelsé foeren. Mar dêrby sint men der net op, det do’t de toer boud waerd, de Middelsé al in stikhinne it Waed droech wier en Ljouwert al yn gjin ieuwen mear in séstêd nearnd wirde koe. It is lykwols net ünmüglik det omtrint it sté fen ’e Aldehou yn ’e iere midsieuwen in fjürbeaken stien hat, dêr’t yn ’e oerlevering den de lettere Aldehou for yn ’t plak komd is. De Deinumer hüzen. Der wierne yn alde tiden ris twa sisters dy’t op it sté dêr’t nou Deinum leit, in doarp bouwe litte woene. Mar nou koene se it der net oer iens wirde, hwêr’t de hüzen stean scoene. Om in ein oan it skeel to meitsjen, kleauwen hja op ’e toer en saeiden dêrfendinne jirpels op ’e groun. Op elk sté dêr’t in jirpel delfoel, waerd in hüs boud; dêrom steane de hüzen to Deinum al sa bryk trochinoarren. Iduna, VII (1851), bl. 141. It Tjirkenêst. Net fier fen Joarwert is in boerepleats dy’t it Tjirkenêst hjit. Ho’t dizze pleats oan dy namme komd is? Twa broerren woene in it üs foarkomme, det Koldyk in eigen frije biwirking fen ’e folkssêge jown hat. Sjuch ek de Hollanske proaza-biwirking fen Koldyk syn „De boumaster fen ’e Aldehou” yn: „Friesche Mythen”, fen J. P. Wiersma, bl. 131. pleats bouwe, mar koene net oerien komme, hwêr’t dit wêze scoe. Nei in hopen oer en werpraten, praetten hja öf om it hüs dêr to setten, hwêr’t de earste fen hjarren in tjirkenêst fine scoe. Sa sein, sa dien. Op in moarntiid gongen beide üt aeisykjen en op it sté dêr’t it earste tjirkenêst foun waerd, boude men de pleats. Iduna, VII (1851), bl. 141—142. Yn 1543 wirdt dizze pleats al neamd ünder Joarwert: „dat goet, genoempt Tyrcks nest” (Benef. boeken). Allardseach. In ein efter Bakkefean üt, foart by it punt dêr’t Fryslan, Drint en Grinzerlan byinoar komme, leit it stjelpke „Allardsoog”, nou it eigendom fen ’e Folkshegeskoalle. Scheltinga, in Harnser, liet it spil dêr yn ’e 18e ieu delsette do’t er de forfeanterij yn dizze oarden oanpakte. Do liet er ek in stien yn ’e gevel sette mei it opskrift „Allardsoog 1785” en dêr boppe in great each. Dit each wier Scheltinga sines en hy hie der in sin by do’t er it yn ’e gevel sette. Hwent hy hie trije soannen dy’ter op syn eigendommen oan it wirk sette. De iene arbeide yn Fryslan, de twadde yn Drint en de trêdde yn Grinzerlan. Scheltinga siet altiten to Harns, mar mei it each op ’e stien hie er doch it taforsjuch op syn soannen! Folksmüle. Ho't de Fryske toerren stomp waerden. De moaije stompe Fryske toerren habbe der net altiten west. Ek hjir hiene de toerren by aids in spits, mar det is yn ’e midsieuwen foroare. Det kaem sa: Do’t de tsjerke yn Fryslan dealde goaden as kweageasten forballe hie, oppenearren dizze hjarren tsjin dit fünnis. Hja kamen nachts gear op ’e tsjerkhöven en tierden in gystene govert üt om de alde toerren. Wier dit spiltsje dien, den pakte ien fen ’e kweageasten it krüs fen ’e toerspits fêst, it selskip joech elkoar in han en swaeide It moeide de Friezen tige, det tsjoede machten nachts de spitsen fen hjarren toerren forrinnewearren. In münts foun do üt om yn pleats fen spitse, stompe toerren to bouwen. Op ’e nij kamen de helse kloften opsetten om hjarren nachtlike feesten to halden, mar hja staetten hjarren skinen sa slim tsjin ’e topgevels fen ’e stompe dakken, det hja foart genêch hiene en sünt de Fryske toerren mei rêst lieten. , .. .' V. – S. Koldijk, Oud-Friesland (8), yn: Leeuw. Crt., (jrg. 1924). De sipeltoer fen Deinum. Op Ritsumasyl wenne yn it forline in ald tsjoenster, dy’t yn Augustus alle jierren nei Spanje reizge hwêr’t hja mei hjar maten wille makke. Hja reizge op in hiel aparte wize: hja stiel fen ’e bou in greate sipel en tovere dêr in wein üt; twa lytsere sipels kamen in pear hynders üt to foarskyn, wylst fierders in foerman en in palfrenier üt twa woartels tovere waerden. Mei dit reau fleach hja nei it feest en hja kipe troch dizze menear fen reizgjen der tige üt. Op in kear, do’t hja wer yn Spanje siet, wier it letter as oars wirden. Hja lei de swipe der dêrom fiks oer, mar do’t hja oer Fryslan wier, seach hja ta hjar skrik, det de dage al oer ’e loft gong. Hja treastge de hynders yette mear oan en sweefde ringen boppe de Deinumer toer. Hast wier hja to-plak, mar .... dêr glieden de earste strielen fen ’e sinne al üt ’e kimen. Op det stuit hie de tsjoenster neat mear to keap. De wein bleau hommels stean, foei del en foroare wiles yn in sipel. Hwêr’t de tsjoenster seis bidarre is, wirdt net forhelle, marde sipel stiet hjoed de dei yette op ’e Deinumer toer, ta in oantinken üt alde tiden! S. Koldijk, yn: It Heitel&n 1926, bl. 4. de hiele nacht yn in wylde rounte om ’e toer hinne, oant it dage en de spits mei krüs en hoanne ofbriek en fen boppen kaem. Den spilen de geasten lüd skatterjend hastich de wyk. It Noardsk doarke. Yn forskate alde Fryske tsjerken fynt men yn ’e Noardgevel in lege yngong (al folie tichtmitsele) dêr’t in man net rjuchtop ündertroch kin. By it folk steane dizze yngongen bikend as „Noardske doarkes” ef „Noarmannepoartsjes” en men fortelt, det hja yette datearje üt ’e tiid det de Noarmannen hjar strang biwald oer Fryslan fierden. Dizze miening is al moai ald. Sa fynt men al by Winsemius likernoch it folgjende forhael: Do’t de Deenske keningen Fryslan oermansk wirden wierne, moasten de Friezen hjarren in skatting opbringe „dat het klinckt int becken”. Somliken wolleder op üt, det de Friezen yn dy tiden it brüken fen goud en silver forbean waerd en det hja yn pleats fen goudene en silveren halskjettings halsbannen drage moasten fen twigen en tiennen gearfrissele, for in teiken fen de greatste slavernije dêr’t hja yn taholden. De doarren en poarten fen ’e hüzen waerden sa leech makke, det de Friezen dy’t der ünder troch gongen, allegearre de knibbels bügje moasten. Boppedet wierne dy doarren alle op it Noarden oanbrocht, sadet de Friezen hieltiten wer sjen litte moasten, det hja ofhongen fen hjarren kening dy’t yn it Noarden wenne en dy’t hja op dizze wize de eare joegen, dy’t hja skildich wierne. (Winsem. Chronique, £. 93.) Dizze sêge komt hieltiten wer foar by dealde kronykskriuwers, al is der ek gjin ien lêzing lyk. Sa lést men byg., det Redbad de Earste, yn 672 kening fen Fryslan wirden, yet gjin jier oan it regear west hie, do’t hy fen ’e Wytsingen finzen nommen waerde en nei Denemarken fierd. In Deenske steedhalder, Omund hjitten, krige do fen ’e kening it biwald oer Fryslan. Dizze Omund makke de Friezen ta slaven en hy hjitte, det hja, for in teiken fen hjar tsjinstberens, in houten „witthe” (ban) om ’e hals drage moasten. Redbad sloofde him yn syn finzenskip sa for de kening üt, det dy him wer ta hear oer Fryslan makke. Sa rekken de Friezen fen ’e twingboal Omund óf. Neffens in oare lezing kaem Redbad krekt mei de plondertochten fen ’e Wytsingen oan ’e macht yn Fryslan. Hy fierde it biwald mei strange han, smoarde alle tsjinakseling en oardere, alle Friezen moasten halsbannen drage en lege doarren meitsje yn ’e Noardgevels. Hjir is Redbad dos it lilke bist. Nei tüzen jier biwarret de folksmüle yn Frysl&n yet it oantinken oan ’e tiden, det safolle ünk en wea oer de heitelênske groun brocht waerde troch de rüge klibers fen ’e Wytsingen. Det it yndied in sêge is, blykt wol as men wit, det de léste ynfallen fen ’e Noarmannen om it jier 1000 hinne wieme, wylst de aidste tsjerken mei in „Noardsk doarke” op syn minst twa ieuwen letter boud binne. Sjuch oer dit fraechstik ü.o. it artikel fen Arend Lang, „Die „Normannenpoorten” der friesischen Dorfkirchen, ihre Entstehung und Bedeuting”, yn „De Vrije Fries” (1934). Dêmeist is der fral yn in tydskrift lyk as „Eigen Volk” in heap oer de Noardske doarkes oeral helle. De tsjerke to Wirdum. De tsjerke to Wirdum hat by aids twa toerrenhawn, inskerpenien dy’t op ’e Westkant en in stompenien dy’t dêr rjucht foaroer op it Noarden stie. De skerpe is yn 1686 of britsen, wylst de stompe it al yn 1597 oerjown hie en ta pün fallen wier. Dizze léste is letter wer opboud en yn 1806 fen ien mei in spits forfongen. ’t Forhael wol, det der twa sisters yn it doarp wennen dy’t elts de tsjerke in toer ta habbe woene. Mar do’t hja it net iens wirde koene, liet de iene in skerpe en de oare in stompenien bouwe, alhiel tsjin ’e tradysje. Do’t de Westerske toer êfbritsen waerd, krigen de Wirdummers de skelnamme fen „toerkefretters”, hwent men seach der in biwiis 23 Boppedet moasten hja de doarren fen hjarren wenten op it Noarden habbe en dy moasten sa leech wêze, det hja, as hja üt ’e hüs kamen, altiten bügje moasten nei it Noarden. fen earmoed yn, det men in toer öfbriek om him mei de klokken oan jild to meitsjen. W. D. I, bl. 292. De toerkemjitters. De Koudumers woene in toer bouwe dy’t de heechste yn Fryslan wirde scoe. Nou wier de Tsjommer toer, lyk as nou yette, de heechste en om nou goed to witten det hjarres heger wirde scoe, stjürden de Koudumers twa tsjerkfalden nei Tsjom om de toer to mjitten. Det barde mei inline en do’t it wirk dien wier, moast it fensels ek bidronken wirde. Mar wylst men der drok mei beuzich wier, sniene de Tsjommers dy’t graech de eare halde woene fen de heechste toer to habben, in ein fen ’e line of. Do’t de Koudumer toer nou klear wier, waerden de Tsjommer tsjerkfalden ek ütforsocht om de „heechste toer fen Fryslan” to bisjen. De falden kamen, mar waerden by ’t foartgean do’t hja forhellen, det hja yette altiten de heechste toer hiene, tige skean fen ’e Koudumers oansjoen. Itselde forhellet men ek fen ’e Boarnster en mei in lytse foroaring ek fen ’e Hallumer toer. De Boarnsters hjitte sünt altiten Toerkemjitters, de Tsjommers lyntsjesnijers. Iduna XIII (1857), bl. 148. It selde forhael giet ek fen ’e toer fen Frjentsjer. Sjuch: Fr. Volksalm. 1891, bl. 16. De tsjerke jen Süd-Drachten. De earste tsjerke fen Süd-Drachten hat stien twisken de Slingewei en de Hegewei, op in stik lan det nou yette ta de tsjerkepleats op it Süd heart en det yet wol ~it tsjerkhóf” neamd wirdt. Yn 1148 waerd it tsjerkje to lyts en der waerd bisletten om in nije tsjerke to bouwen hwêr’t nou it Suder tsjerkhóf is. De oerlevering forhellet, det alle minsken ta det forpleatsen In iken ribbe dy’t al tsjinst dien hie yn ’tearste boeretsjerkje, scoe sadwaende yn ’e nije tsjerke op it Süd to-lanne komd wêze en letter ek noch wer yn ’e tsjinstwirdige tsjerke in plak foun habbe. J. van Dyk, yn ’e Drachtster Crt., 29-4-’24 K. FEN BYLDEN, KRUSEN EN STIENNEN. It bliedende byld. Der rint fen Harns of nei de Moaije Peal ünder Minnertsgea in pündyk, de Hounestreek (Hoarnestreek). DedykfenTsjommearum nei de Hounestreek hjit fen Jankeleane. Krekt yn ’e Noardwesthoeke, hwêr’t de beide diken yn elkoar rinne, leit de „Kampioen”. Det wier foarhinne in boerepleats mei binhüs. De skürre is öfbritsen, it binhüs stiet noch. Do’t wy jonges wierne, stie der in great boerd en dêr wier libbensgreat in kriichsman op skildere, de rjuchterhan steunde op in great swird en dêründer stie dit ferske: „Ik sta hier als een Kampioen, Een vreemd zal ik geen hinder doen. Maar had ik macht als menig held, Ik sloeg de boozen uit het veld.” Dit boerd is fortuteaze en stiet der net mear, allinne de namme is bistean bleaun. Dy „boozen”, dy’t üt it fjild slein wirde moasten, det scille wol tsjoensters en spüken west habbe, tink ik, hwent op de pleats der neist, in gewint lan dêrfen of, it westen yn, koe it der foarhinne raer omhear gean, is my wol forteld en as jonges woe üs det fensels wol oan. En soks barde den altiten yn ’e nacht om toalve üre. Der moat yn lang forline jierren ris in moard bard wêze, in man waerd dêr de kop ofslein en de geast fen dy man hat dêr lange meiwirkje woene, en det hja dêrom yn in lange rigele stean gongen en sa alles, hwet noch wer brükt wirde koe, fen han ta han gean lieten, lyk as by in bran sims de amers wetters oanlange wirde. In Dütsker dy’t it Frysk yet net al to goed yn ’e macht hie, kaem ris to Hantum. Op syn frage, ho’t it doarp hiet, andere men him fensels: Hantum. Marde poep forstie fen: „Hangt hem!” en spile hastich fen ruten. Efkes letter kaem er yn in oar doarpke. Wer frege er, hwêr’t er wier, en it andert wier: Hantummerhuzen. Nou forstie er: „hang ’m in huus” en hy naem as ’t koe yette gauwer hakken op! W. D. I, bl. 127. Waldsein. Waldsein is yn alde tiden op in pöle groun oandriuwen komd en do fêstrekke. Dêrom neamt men it ek wol de „driuwpöle”. Ut ’e folksmüle opteikene fen Theun de Vries. Eangwirden. Do’t de gritenij Eanjewier ef Eangwirden stifte waerd, seine de minsken: Det is ing wirden. Sa krige dizze op ien nei de lytste gritenij hjar namme. W. D. I, bl. 129. Yn 1934 is Eanjewier by Skoatterlan plakt en der is in nije „gemeente” üntstien, dy’t op in tige ünfryske menear neamd is nei it greatste plak: ’t Hearrenfean. Om mei de sêge to sprekken: It is nou great wirden, mar Frysk wirden is it net. Kopkewier en Pantsjewier. Oan ’e dyk by Marrum stiet in tropke hüzen, det Kopkewier hjit. Alearen stie der ek in herberge en det wier mei rjucht en reden: Kopkewier. Hwet de namme bitsjut, wit men net, mar al wit men, det der oardel ieu ef sa forlyn in man wier dy’t tocht: by in kopke 24 Hantum en Hantumhuzen. heart in pantsje. En hy liet op it Südwest fen Marrum in hüs sette det er Pantsjewier neamde. Dy namme is yette bikend. W. D. I, bl. 129. Pikeloer. By Wieuwerd is in opfeart dy’t yn ’e omkriten as Pikeloer bikend stiet. Dêr wenne alearen in skipper dy’t hüze mei syn iennichste dochter, Pike, lyk as hy hjar altiten neamde. As de heit mei syn skip foart wier en Pike him werom forwachte, stie hja al lang fen to foaren op ’e feartswal üt to sjen eft hja it skip ek oankommen seach. En den seine de bürljue: Pike stiet ek wer op ’e loer. Det barde sa faken, det hja neigeraden altiten Pikeloer neamd waerde en sa üngemirken wei gong dy namme letter ek oer op ’e feart. W. D. I, bl. 129. Drinkuitsma State. Drinkuitsma State, det alearen binoarden Goutum stie, wirdt fen forhelle, det der ris trije broerren byinoar kamen om hjarren staten in namme to jaen. Om’t hja graech oer in goed glês wyn mochten, kamen hja oerien om de hüzen to neamen nei it „putten” (taepjen), ynskinken en ütdrinken fen hjar drinkhoarnen: Putsma, Schenkinsma en Drinkuitsma. Twa fen dy hoarnen, mei silver bislein, wierne destiids yn it bisit fen baron B. T. van Heemstra (Sjuch Katalogus ütstalling fen aldheden to Utert, 1857). Op dy hoarnen stiene trije hollen mei it omskrift: tres faciunt collegium, en it ynskrift: Schenkinsma, Drinkuitsma vivant dese pocula. *) In oare oerlevering wol, det twa Fryske boeren in weddenskip oangien hiene, hwa fen hjarren yn ien jier de measte ankers wyn drinke scoe. De iene boer boude do Schenkinsma, de oare Drinkuitsma. 2) 1) H. Zeeman: Drank en drinkwinkels in Nederland, oanhelle yn: s) Navorscher, 1874, bl. 177—178. Men seit, det it sté dêr’t nou de Tsjüke-mar leit, yn alde tiden in fean west hat. In frommins, Tsjüke (Tieucke) neamd, stiek in kear det fean yn ’e bran en de greate wetterdobbe, dêrtroch üntstien, hjit yette nei hjar fen Tsjüke-mar. Oaren sizze, der hat earen in bosk stien, dy’t op in tiid yn ’e bran rekke. In frommins gong der krekt mei mölke foarby, mar hja woe it fjür dêr net mei dwêste, hwet oars yn it bigjin maklik kind hie. Dêrom rachte in oar frommins hjar üt for Tsjüke (Tyuke), det wier do in skelnamme, en dêrfen hat de mar dizze namme. Ek forhellet men, det der jierren en jierren foar üs tiden op it ein fen in lange leane yn in greate bosk twa frijfammen wennen, Sjüke en Marchje, dy’t fen ’e boerkerij libben. Op in kear kaem der bran yn ’e bosk, en om’t hja troch droechte forlet fen wetter hiene, easden hja, sa forslein as hja wierne, mölke yn it fjür. Dêrtroch makken hja it lykwols folie minder, om’t de fettens fen ’e mölke it fjür hwet langer hwet mear oanfitere. Allinne de Westewyn hiene hja it oan to tankjen, det hjar pleats bihalden bleau. De forbarnde bosk waerd letter sompich en allinkendewei de greatste mar fen Fryslan. De namme, seit men, is hjir fendinne kommen, det de beide fammen yn hjar kjellens elkoars nammen ütgüld habbe, effen it gerop fen Marchje oan hjar sister Tsjüke om gjin mölke mear yn it fjür to bruijen. Iduna, VII, 1851, bl. 91—92; Fr- Volksalm. 1847, bl. 40-41. In oare sêge skriuwt it üntstean fen ’e mar ta oan in hountsje. De namme biwarret it oantinken oan dit bistke en it byljen fen ’e houn scoe men yet yn ’e brüzjende weagen hearre kinne. Nieuwsbl. v. Friesl., 24-3-’O6- Neffens Hamconius laei op it sté fen ’e tsjintwirdige mar alearen in great hillich wild. In frommins, Tsjüke, scoe dizze bosk yn ’e bran stitsen habbe en De Tsjüke-mar. üt it sodzige ldn üntstie letter de mar dy’t nei hjar neamd waerd. (Oan dizze br&n scoene de Bransingel en it Brdnlan it oantinken biwarje.) De Fryske god Holler hie syn alters oan ’e Tsjükemar to stean en yn it doarp Reahol waerd hy tsjinne. Hamc. Frisia, bl. 2 en 76. Val-pert en Sta-pert. Binoarden Wommels stie in moai great ald boerehüs mei in wite stien yn ’e gevel dêr’t mei swarte letters opstie: Wal Part. 1741. Yn det jier is de pleats setten. Bisuden Wommels stie alearen in boerespil, det Sta-pert hjitte; det is neist jierren al öfbritsen. Op it sté fen dizze pleatsen stiene lang forlyn twa adellike stinsen, beide biwenne fen in jonker. De iene hjitte fen Agge, de oare fen Bokke. Beide wierne foreale op de keine Bertha, de iennichste dochter fen in Frysk ealman en heite poppe, om’t hja in deimennich nei ’t hja berne wier, hjar mem misse moast. Bertha wier der mei oan hwa’t hja kieze scoe. Hjar heit sloech dêrom oan ’e beide jongfeinten in kampstriid foar. Dy’t it woun, scoe de han fen ’e jongfaem habbe. Fül waerd der striden en op ’t lést slagge it Agge om Bokke syn hynder stroffelje to litten, de ruter hie hjirtroch forlern. Dy’t der omhinne stienen, rópen: „Daar valt Bokkes pert.” Agge rekke sa oan Bertha, en ora’t syn hynder it op foetten halden hie, neamde er syn stins: Sta pert. Bokke sines waerd do Val pert neamd, det letter forbastere waerd ta Wal part. x) Oaren wolle habbe, det in ridder üt it slachte fen ’e lettere Staperts op in kear in hynder tsjinkaem det op ’e rin wier. In deftich hear siet der op. De ridder krige it hynder by de leije en röp: „Sta pert!” Dêr komt de femyljenamme wei 2). Friesche Volksalm. 1891, bl. 148. a) id. bl. 163. De Koufirde. Sa hjit in marke yn Doanjewarstal by Langwar, mar it folk praet al gauris fen de „Koevoet”. Yn earder tiden moat hjir goed Iduna IX, bl. 169. Fostewerd. Do’t Amelan yette Fostalan hiet, om’t de goadinne Fosta dêr in timpel hawn hie it folk praette ek wol fen Foslan woe men dêr in kleaster stiftsje. Mar om’t men net wiste hokfor namme men it jaen scoe, waerden der twa müntsen op ütstjürd. It earste wird det hja kamen to hearren, scoe it kleaster nei neamd wirde. Ringen metten hja in boer. Op ’e frage fen ’e müntsen, hwêr’t de reize hinnegyng, andere er: Foswert, det woe sizze: op Fostalan ta. Dêrfendinne krige it kleaster de namme fen Foswerd. Yn 1090 is it nei Ferwerd oerbrocht. Wolf, Niederl. Sagen, bl. 221—222; W. D. I, bl. 32—33. (Wolf teikent by dizze sêge oan: „Schriftliche Mittheilung aus Utrecht”.) It Loaije Rek. Dit is in wetter ünder Ryptsjerk, det yn ’e tiid fen it forfeantsjen üntstien wêze moat. In forfeanter gong geregeld jouns it wirk nei det syn arbeiders üt ’e wei set hiene. Op in kear hie hy hjarren oarder jown om in feart to graven, dêr’t de skippen yn ’e takomst de turf lans forfiere koene. Marde jouns die it him bliken, det it wirkfolk der mar hwet mei de mütse nei smiten hie, it wirk wier hyn efto nei net dien. De forfeanter sei do syn mannen omraken it mannewaer op en om de neiteam ek yn to ljochtsjen oer de loaijens fen ’e gravers neamde er de feart „It Loaije Rek”. Folksmüle. droech lan lein habbe, mar in kou trape der ris mei hjar poat in gat yn en dêr sipere wetter yn. De wyn bloes der op en makke it gat aloan greater. Op dizze wize üntstie sa swietsjeswei it marke. Snakker bürren. Dit is in bürrentsje to Rotstergaest, yn ’e omkriten fen ’e skoalle. Hjir wennen alearen in stikmennich fiskersljuwe hwêrfen de wiven yn it hiele gea de namme hiene fen öfgriselik kwêkje ef snakke to kinnen. Op ’t lést krigen de hüzen fen dizze frouljue de namme fen Snakkerbürren en det is sünt sa bleaun. Folksmüle. Minnertsgea. Do’t Minnertsgea yette gjin namme hie, moat der ris in skipper syn anker ütsmiten habbe. Marde man hie it better litte kinnen, hwent hy hat der gjin side by spoun. Krekt oarsom, do’t hy letter de bürren biskreau dêr’t er mei syn skip lein hie, neamde er dy „ter mijner schae”. En sa is de namme Minnertsgea yn ’e wrald komd. Teg. Staat v. Friesl. 11, bl. 567. N. FEN WAPENS. Wünseradiel. It wapen fen Wünseradiel is in springend hart mei britsen hoarnen. De gritenij hat dit wapen krige fen it folgjende foarfal: Der waerd ris yn alde tiden üt de greate bosken in hart forjage, det fen de ljue yn Wünseradiel fongen waerd, hwernei men it de hoarnen tobriek. Ta hjarren eare krigen hja dêrfen it hart mei de stikkene hoarnen yn it wapen. Schotanus, fol. 212. ’t Amelan. It wapen fen ’t Amelan is yn twa heale fjilden fordield. De rjuchter helte is fen goud, mei trije swarte balken biladen; de lofter blau mei in silveren heale moanne. Tegenw. St. 11, s. 366. It wapen fen Drylst. Yn ’e tiid det Drylst yette yn forbining stie mei de Middelsé, wier der ris in kofskipper üt dy stêd dy’t by stoarmwaer op ’e Middelsé it roer fen syn boat forspile. Lykwols slagge it him om al stjürende mei de seilen ta de haven fen de stêd yn to fallen. Dit sterke stik wirdt it oantinken oan biwarre mei’t it wapen fen Drylst in skip sünder roer sjen lit. Tsjintwirdich is det in steatlike trijemêster, mar yn it wapen det foarkomt op in segel üt 1496, hat it skip marien mêst. Yn ’e 17de ieu is der lykwols al in mest bykomd (sjuch byg. Schotanus syn „Beschryvinghe”). Busé, De historische bijzonderheden van Ijlst, bl. 67. De Aemlanners habbe dit wapen oannomd ta in oantinken oan in roverij dy’t hja op Skylge dien hiene. Hja hiene n.l. folie oerlêst fen dieverij üt Fryslan en oare kriten en dêrom hellen hja trije balken fen Skylge, om dêr in galge fen to meitsjen, dêr’t hja alleman dy’t kaem om hjar fé to stellen, ophingje woene. O. OARE OERLEVERINGEN. It skip fen Sinter Nuet It forneamde Skip fen Sinternuten, yn Noard-Fryslan „Di Mannigfuald” neamd, hab ik yn Fryslan net folie oer fine kind. Op ’t Amelan liket de sêge wol bikind west to habben. Alteast yn ’e „Friesche Volksalm.” fen 1843 wirdt fen J. H. H. Gz. dy’t op dit eilan wenne neffens de ünderteikening, yn ’e Amelanner tongslach in „sémansmearke” forhelle, det hjir op del komt: Der hat in ünbidich great skip west, det hiet fen Sinter Nuet ef Sinter Nuït; it is yn Jutlan boud en de kyl wier sa lang det de foarstjüne to Skagen en de efterstjüne yn ’e Holms wier. De bosken It skip fen Sinternuten. De flagge koe Ingelan hast hielendal biflappe en de flêsktsjettel wier sa great, det as de kok hwet ünevenredich stookte, den koe ’t weze det it wetter oan ’e iene side oan ’e soad wier, wylst hja op ’e oare kant op it ns oan ’t slydjeijen wierne. Do’t der ris in koubist u e mars yn ’e tsjettel foei, miende de kok det it in flie wier Do’t hja ris mei it skip troch ’t Kanael woene, moasten hja de si en mei talk ynsmarre en sa koe it der mei lijen noch krekt troch. Om der m bulte talk oan sitten bleaun is, binne de kusten fen Ingelan en Frankryk ek sa wyt. De measte toerren oan ’e Ingelske kusten binne stomp. Det hat net altiten sa west, marde hakspier fen it skip fen Sinter Nuet hat ') It stik hout, det lans de hiele kyl fen it skip leit. fen Noarwegen binne leechplondere om genoch hout to krijen en do moasten hja de mêsten en it kolswyn *) yette üt Poalen helje. , * izf ,det hja brek wierne> Sweden en Ingelan to heljen habbe der tachtich Fryske fluiten, elts fen 500 lest, oannommen west For de seilen habbe alle wevers fen Prusen en Denemarken oardel jier weefd en oan ien marsseil naeiden hundert seilmakkers. It uch wier sa heech, det as der ien nei boppen moast om de wimpel to klearjen ef it boppebramseil fêst to meitsjen, den waerden der jonges op of stjurd, en as dy weromkamen, den wierne it alde mantsjes mei grize hierren. Op ’e greate ra wierne fjouwer herbergen en op ’e fokkera twa. Yn elts marsskoatblok wier in süphüske, wylst der yn’e greate mars in fetweidenj for fyftich, yn ’e fokkemars ien for tritich kij wier Op it ein fen de kluverpin waerden aeijen foun fen alderlei séfügels Yn e marsen waerden ek in bulte aeijen foun, meast fen berchemen yn e knmegatten dy’t dêr by de rüs wierne. , Yn ’e üjselsfalblokken hie men skilderhüskes for soldaten. Op e knop fen ’e flaggestok stie in Turkske tinte en op eltse bramstang in koepel. Yn ’e roerpin wierne lynbanen, wylst der troch ’t roerrêd in bulte febriken yn biweging brocht waerden dy’t Ünder de kampanje wierne. * J do’t it skip it Kanael trochgong, alle spitsen fen ’e toerren oframaeid. En do is ek de wimpel by ’t kleaster op Kaep St. Vincent fêstroun men seit det der yette in hoeke fen dy wimpel yn det kleaster biwarre wirdt. Ek wirdt der sein, det in stirtstjer dy’t mei syn stirt yn ’e wimpel fortiisde, dêrtroch twa moannen langer ünderweis west hat. Nou, wylst it skip yette yn ’t Kanael wier, barde it ris, det troch in twjirre de seilen hwet sloegen en do miende men yn Ingelan en Frankryk det it tongere en alle molke waerd sür en fen alle broeden hinneaeijen kaem neat torjuchte. Nei ’t it roer to loevert ef lij gong, koene hja yn ’e lannen oan ’e sé birekkenje, eft de hearring tichteby ef fier fen ’e kust socht wirde moast. As hja neitiid mei it skip keare woene, den plakten hja fjirtsjin dagen fen to foaren plakaten (krekt as der to Nes oan it rjuchthüs hing je) oan ’e galgestutten, dêr stie it den op, en den gongen der fjouwer hynders de barkhouten lans om de oarder troch to dwaen. Sa is it ris bard, det der twa ruters weibleauwen. De kaptein tocht, det hja oergien wierne by de Lansiers dy’t yn it galjoat hüsmannen in hoarnblazer gong der hinne om hjarren op to blazen, mar hja kamen net foar ’t ljocht. Nei in deimennich waerden hja yn it twiskendek foun. Ho’t hja dêr kommen wierne? It skip hie dy deis gans wirke en nou wier ien fen ’e skreven boppe it barkhout in bytsje iepenwirke en dêr wierne de keardels mei hynder en al trochrekke. Fr. Volksalm. 1842, bl. 117—122. Itselde teltsje fynt men hast wirdlik allyk biskreaun yn: De Bye-Koer (Frysk Jierboekje) for 1875, bl. 76—80. De hearringen op 't Amelan. Yn alde tiden wierne de hearringen op it Amelanner stran sa rom, det men se hast mei de han fange koe, en dêrtroch waerd der Nou wirde der yette wol hearringen fen fiskers fongen, dy’t de strimen op ’e rêch habbe. Iduna 1852, bl. 64. De Aytta-blomkes. Yn it hof fen ’e greate Aytta-pleats by de tsjerke to Swichum tilt it yn e iere Maeitiid op fen lytse giele blomkes, dy’t by tüzenen yn ’e wallen steane. To Swichum neamt men dizze blomkes dy’t bosk-anemoanen (Eranthis hyemalis) hjitte en yn alde slottunen wol faker to finen binne hiel aerdich „Aytta-blomkes” en men mient, det se nearne oars yn üs lan foarkomme. En det hat syn reden, hwent de forneamde Wigle van Aytta hat se sa seit men dêr neist krapoan fjouwerhündert jier seis meinomd üt fiere lannen wei. Folksmüle. It kweade wiif fen Hynljippen. Lang forlyn wier der to Hynljippen in wiif det de baes spile oer hjar man, det in sekaptein wier. Hjar hüshalden makke hja in öfgod fen en nea mocht de man mei wiete klean ef mei de learzens oan yn ’e hüs komme. Op in kear kaem er nei seis wiken fen in reis werom mei in wiete swarte kardoeshoun dy’t hy rédden hie by in skipbrek. Syn wiif woe it bist net yn ’e hüs habbe, mar do sei de man, det hja it den ek mar buten him rédde moast. Nou, det koe wol, en de kaptein en de houn sylden wer üt. It wiif tochte, hjar man scoe wol gau werkomme, marde kaptein haldde ditkear hoek en hy bleau jierren wei. De frou waerd alder en hjar hird moed briek op ’t lést do’t hja wiste, hja scoe allinne folie op it eilan fortsjinne. Do’t dit nou sahwet dürre hie, waerd it folk op ’t Amelan sa weelderich en oerdwealsk, det se mei ryskes de hearringen fen it stran ofgiselen. De hearringen teagen foart, kamen nea werom en lieten ’t Amelan yn earmoed. bliuwe. It moeide hjar öfgriselik det hja sa’n fekke west hie en hja waerd in oar minske. Yn in ünlijige nacht waerd der kloppe en stie de kaptein mei syn kardoes foar hjar, alhiel üt ’e liken en trochwiet. Hja liet beiden yn en helle hjarren oan en it die bliken, de houn hie ditkear by in skipbrek syn baes it libben rédden. Do gülde de frou tige en hja swarde, de houn scoe tonei it béste plakje yn ’e hüs habbe. Alles waerd wer goed twisken man en wiif en as oantinken liet de frou yn ’e gevel in stien mitselje dêr’t in houn op öfbylde stiet en in ingeltsje syn wjukjes ütspriedt. Franke, Sagen en legenden rond de Zuiderzee. To Hynljippen teikene ik üt ’e folksmüle in oare lêzing op: Yn it hüs dêr’t it hountsje yn ’e mürre sit, hat in séfarder wenne. Op in kear kaem er rinnendewei fen ’e Lemmer, mei in kaptael yn ’e büse, hwent hy kaem fen sé of, troch Gastlan. Yn ’e bosken dêrre waerd er oanfallen fen in stikmennich rovers en it hie der faei bystien, as der net hommels in houn komd wier, dy’t him feilich en wol thüsbrocht. De man wier tige tankber en scoe it bist mei yn ’e hüs nimme, mar syn wiif woe it net lije en sa bleau de houn in deimennich foar de doar lizzen, oant er op ’t lést weiwaerd, nimmen wit hwerhinne. De séfarder hat do as gedachtenisse in stien mei de houn derop yn ’e gevel slaen litten mei twa ingelewjukken fensiden, om oan to jaen det de houn syn „rêd-ingel” west hie. De twa potten mei jild. In lyts eintsje oan ’e Eastkant fen Arum stie in hüske dêr’t alear in man en wiif yn wennen dy’t twa kij op hienen. Dy man dreamde alle nachten det to Amsterdam op ’e „Nieuwe brug” syn lok wêze scoe. Op ’t lést koe er it thüs net mear bankje, hy forkoft ien kou en fear nei Amsterdam. Dêr kuijere hy alle dagen op ’e Nije brêge om, mar hy foun der neat en net ien dy’t nei him taelde. Mar sa gau as er thüs wier, bigoun er wer alle nachten to dreamen fen it lok op ’e Amsterdamske piip. Einlings sei er tsjin syn wiif: Der helpt neat oan, üs oare kou moat ek mar foart; ik wol wer nei Amsterdam ta. It wiif haspele der al wakker tsjinyn en waerd tige lilk, mar hy teach him der neat fen oan, forkoft de kou en gong wer foart. To Amsterdam forgong it him krektlyk as de earste reize en hy wier al fen doel om fen syn léste sinten nei hüs ta to tsjen, ef dér kaem in man oan dy’t him oanspriek. „Hoor eens, vriend,” sei er tsjin him, „hoe loop jij hier toch alle dagen zoo op de Nieuwe brug om?” „Wel man,” wier it andert fen üs maet, „as ik thüs bin, dream ik alle nachten, det hjir myn lok wêze scil, en nou hab ik üs beide kij der al om forkoft, mar der komt yet neat opdaegjen.” „O, ’ sei de man ynienen, „droomen zijn bedrog; daar moet je geen acht op slaan. Ik droom alle nachten, dat ineen klein huisje, juist aan den anderen kant van Arum, twee potten met geld begraven liggen en ik weet niet eens waar dat heele Arum ligt.” En do gong er as in blits foart. Nou wist de Arumer genoch; hy reizge dalik nei hüs ta en do mar oan t graven. Hja founen ien pot mei jild, marde twade koenen hja net fine. Do’t hja de pot lege hiene, seagen hja lézen op ’e boaijum stean, mar dér koene hja gjin wiis üt wirde. Det dürre sa in jier; hja wierne yn itselde hüske wenjen bleaun, mar arbeiden net mear en ieten en dronken der goed fen. Do kamen der ris frjemde keapljuwe oan ’e doar; dy seagen de pot tsjin ’e mürre oan lizzen en hiene der foart niget oan. „Heden, fr°u,” seine hja, „wat hebbe je daar een aardige pot.” „Ja,” sei it wyfke, „dy habbe wy ris foun; mar wy witte net hwet der opstiet.” „Net?” sei ien fen ’e keapljuwe, „der stiet op: ünder dizze pot sit noch in pot.” Ei, tocht it wyfke, den habbe wy net djippernóch groeven. Njonkelytsen rekke syn jild op; do’t er yet krekt safolle hie det hy der hwet just mei thüs komme koe, gong er mistreastich wer yn ’t skip en nei hüs ta. Dêrom makken hja op itselde sté yetris in tige djip gat en sa foune hja de oare pêt ek. Iduna I (1845), bl. 132—134. Deselde sêge wirdt forhelle fen in skoenmakker üt Easterlittens. Dy dreamde altiten fen ’e Papenbrug to Amsterdam dêr’t er syn lok fine scoe. Hy foun it der ek en koe üt syn blikke foar de tsjerke oer mar in fikse tsjettel mei jild opgrave. Der stie ek in ynskripsje op dy’t de dümny letter fordütske en dy’t der ta laette, det der in twade tsjettel foun waerd. Ut tankbrens liet de skoenmakker in stiennen pealtsje sette op it plak dêr’t er de tsjettels foun hie en dêr’t foarhinne mar in houten pealtsje stien hie. En om’t it sifer 1 sa’n soad fen it pealtsje wei hie, joech men it de namme fen „it pealtsje fen Easterlittens”. Folksmüle; ek yn: W. D. 11, bl. 106—109. Jild op ’e kouwestal. By de pelmounle dy’t alear ünder Ikkerwald stie, wenne in man dy’t dreamde det er to Amsterdam op ’e Lange brêge syn fortün fine scoe. Hy reizge der hinne, mar der barde neat de earste deis. De twade deis ek net, marde dei dêroan rekke er mei in man oan ’t praten oer dreamen, dy’t him tortelde, hy hie dreamd, det derby de pelmounle to Ikkerwald op ’e boppeste kouwestal in pot mei jild siet. De man üt Ikkerwald reizge hastich nei syn wiif en hja founen wrychtich de skat yn in alde pot. Dümny dy’t it ding ris seach, sei: Hwet in nuver spreukje stiet der op: „Onder deze pot staat nog een pot, Dat is nog veel grooter schat.” Hja koene suver net wachtsje, det dümny wer ófsette! Folksmüle. Under Raerd stiet oan ’e alde Snitser wei in nije boerepleats, in stjelp, dy’t „De roune skoarstien” hjit. It is in alde wizansje, det de pleatsen dy’t op dit sté stiene, ien skoarstien hiene dy’t roun mitsele wier yn pleats fen fjouwerkant, dielt Waling Dykstra mei en hy forhellet it folgjende fen ien fen ’e biwenners fen dit boerespil, in jonker, dy’t hjir lang forlyn nei alle gedachten allinne by ’tsimmerdei tahaldde. Hy hie mear jild as forstan en heefde by tiden sokke malle dingen üt dêr’t sa’n slompe jild mei hinnegong, det it folk him „de gekke” neamde. Op in kear mette de jonker by syn hüs in earme jonge dy’t sutele mei hwet keappenskip. Do’t de jonge it hearskip frege eft er faeks hwet keapje woe, koft dizze de jonge alles öf, bitelle daelk en joech him boppedet in mennich gounen mei de opdracht: Keapje dêr nou nije keappenskippen for en doch der dyn foardiel mei; mar alles detstü der mei winste, moat ik de helte fen habbe. De lytse suteler ünthiet soks en gong fleurich fierder; de jonker tocht net mear om him. In pear wiken letter lykwols kaem de jonge wer by „De roune skoarstien” oan, om mynhear de helte fen it jild to bringen det er fortsjinne hie. De jonker hie dêr hielendal net mear om tocht en it stie him wakker oan, det de jonge sa earlik wier. Kom, sei er, om detstü sa earlik biste, meistü det jild halde. Sjuch, ik scil dy der yette hwet by jaen. Set dêr dyn hannel nou mar mei üt; ik hoopje det it dy goed gean scil. Sünt liet de lytse keapman him net mear sjen en jierren gyngen foarby, do’t de jonker ris yn Amsterdam wier en him dêr in moaije winkel opfoel. Wylst hy foar de glêzen stie, kaem de winkelman bütendoar en sei: Mynhear, ik bin bliid jo to sjen. Jo scille my yette wol kenne jo habbe my yndertiid do’t ik in jonge wier, mei jild stibelearre. Sjuch, det jild hat fortuten dien. As jo nou sa goed wêze wolle en kom der yn, den scil ik jo itjinge ik liend hab werombitelje mei rinte op rinte. Ei, kom, sei de jonker, hwêr habbe jo it oer? Ik hab jo det jild De roune skoarstien. net liend, mar jown, en dêrmei üt. Doch kaem er yn ’e winkel en koft ien en oar ta in oantinken. W. D. 11, bl. 274—275. It meske to Boalsert. Yn ’e gevel fen it stêdhüs to Boalsert siet yette net sa rare lang forlyn in meske det op in sulveren ring de namme Ippe Willems Soon droech. Dit meske biwarre it oantinken oan it folgjende foarfal: In pear Boalserter jonges wierne ris oan ’t slachterke-boartsjen. De iene scoe den de slachter wêze en de oare it koubist det slachte wirde moast. Dizze léste liet him gewillich oer de strjitte lizze en ek de lytse slachter gong alhiel yn it spiltsje op. Boartsjendewei helle er in mês üt ’e büse en stiek ta, lyk as hy it wol ris in rjuchte slachter dwaen sjoen hie. Hy rekke do syn maet sa üngelokkich, det dy forstoar. Dealden fen it bern easken det de jonge dieder ta de deastraffe foroardiele wirde scoe, marde rjuchter wier fen bitinken det de jonge net for fol oansjoen wirde koe. Ta bewiis liet er him kieze üt in moaije trijgoune en in kostlike greate apel de lytse slachter naem de apel. Do moast men wol tajaen det it yet in bern yn ’t forstan wier en de jonge waerd frijpleite. W. D. 11, bl. 97. Op 2 Maeije 1894, sa lest men yn diel II fen dr. G. A. Wumkes syn „Stadsen dorpskroniek”, komt der üt ’e foargevel fen in hüs to Boalsert in mês to foarskyn mei de namme Ippe Willemssoon; hwet yn forban brocht waerd mei de oerlevering det in jonge by it bargeslachtsje-boartsjen fen in oar formoarde waerd (bl. 570). En to Frjentsjer. De earste printinge fen de forneamde „Kinder- und Hausmarchen” fen de broerren Grimm, üt it bigjin fen de foarige ieu, hat in soartgelikens forhael üt Frjentsjer. Dêr habbe bern fen fiif en seis jier in oar bern boartsjendewei Dizze Frjentsjerter stoarje habbe de broerren Grimm üntliend oan Wickrams „Rollwagenbüchlein”, det üt 1550 datearret. (Sjuch: Die Volkskunde und ihre Grenzgebiete, bl. 83). Hirdriders en liskeningen. Piter Koopman wier yn ’e 18e ieu boargemaster fen Boalsert. Hy moat yn ’e winter fen 1763 op ’64 op ien dei fen De Haech nei Ljouwert riden wêze om oan Marijkemoai in brief to bringen fen hjar soan, steedhalder Willem IV. Dit wier in êfstan fen sa’n 39—40 üren gean; de tocht gong oer ’e Sudersé oer Inkhuzen en Starum, en de middeis healwei fiven skraste er yn pronkmoaije letters syn namme yn it Ljouwerter iis. De „Prov. Friesche Crt.” fen 16 Jannewaris 1848 makket it yette hwet moaijer: Koopman scoe ek weromriden wêze! De 31ste Desimber 1763 sette er de moams seis üre fen Ljouwert of, mei in foardracht oer it bineamen fen grytmannen yn Fryslan for de hearen yn De Haech yn ’e büse. Oer de Sudersé en troch Noard-Hollan hinne kaem er dêr oan. Do’t er syn boadskip dien hie kearde er op slach werom en naem itselde paed wer op, mei dit forskil det er nou oer Teakesyl ried. It bigoun al to jounjen en troch it tsjuster rekke er de wei bjuster, det him in üre öfnaem. Lykwols, de jouns om 9 üre boun er op ’e Ljouwerter grêft of: hy hie de tocht yn 25 slachte. De rie fen de stêd is der mei oan, hwent de hearen seagen wol det it net mei opset sin bard wier. len fen hjarren, in alde grize man, joech do de rie, de opperste rjuchter scoe in moaije reade apel yn ’e han nimme en yn ’e oare in Rynske („rheinischen”) goune; hy moast it bern by him roppe en beide hannen tagelyk rjuchtüt dwaen. Naem it bern de apel, den moast it ünskildich forklearre wirde; naem it lykwols de goune, den moast it daet wirde. It bern pakte blier de apel en waerd dêrom ünskildich achte. 15 üren oflein. En as syn frjeonen net wizer west hiene, den wier üs maet ek yette trochriden nei Boalsert! Fen dyselde Koopman wist eltsenien det er, as er neist in belleslide ried, al ridendewei forskate kearen oer hynder en slide springe koe, sadet er om bar lofts ef rjuchts neist it reau kaem to riden. Buttingha Wichers: Schaatsenrijden, bl. 152; Nieuwe Fr. Volksalm. 1858. Adam hirdrider dy’t ek yn ’e 18e ieu libbe, wier yette forneamder. Oan him tankje wy it sprekwird: „Det is nin bean wirdich, sei Adam en sprong oer it soal”, det op dizze wize yn ’e wrald komd wêze moat: Adam, dy’t great alve meter yn ien tel ried, kaem ris op redens by de Aldeskou, det do noch in echte skou wier dêr’t men minsken en weinen dy’t de Ljouwerter strjitwei delkamen, oer it wetter sette. Mei it each dêrop hie men do in soal fen sa’n twa en tweintich foet (22 X 30 c.M.) bridte iepenhalden, hwet for Adam lykwols gjin bihindering wier. Hy ljepte der yn ’e flecht wei oerhinne en spriek, do’t immen der syn fornuvering oer to kennen joech, de boppeneamde wirden. P. C. Scheltema, Verzameling van spreekwoorden enz., blz. 45. Yn syn tiid wier der yn Grins in pottebakkersfeint dy’t neffens it bitinken fen syn stêdgenoaten alle hirdriders oermansk wier. Do’t syn baes ris in hear ïit Ljouwert yn ’e herberge mette, skepte er wakker oer syn feint op en sei, hy sette der in fiks stik jild twisken as syn feint it op redens net winne koe fen ’e Friezen. Det is sein, sloech de Ljouwerter ta en dei en üre waerden keazen om op ’e grêften fen Grins in hirdriderij to halden. Adam hirdrider scoe Fryslans eare ophalde en öfpraet wier, hy scoe de jouns tofoaren yn Grins wêze, den koe er de nachts foar de kriich mar rêste. Lykwols, de jouns wier Adam der net, de oare moarns likemin en it loek al moai nei tsienen, do’t der noch gjin Adam to bikennen wier. De Yn ’e selde tiid rieden ris in pear manljue mei in swiere slide oer de flakten bi-easten de Ie fen Dokkum nei Ljouwert. Hja waerden fen in rider ynhelle dy’t klage, hy koe de waermte hast net biride. Hy woe graech de slide in eintsje skouwe; den koene de beide oaren ris in setsje lins habbe. Hja hiene der neat op tsjin en fleurich rieden hja mei de ünbikinde op, mar dy loek oan ’e efterste skonk en al ridlik gau hiene hja der wol oan om him by to halden. Op ’t lést koene hja net mear; de man efter de slide skeat mei kügelsfeart oer it iis en wier moai gau üt it sicht. Hja seagen elkoar ris oan en seine, as det de divel net is, den witte wy it net. Marden is üs slide mei güd ek nei gichem. Hja fregen al ris in reedrider eft er de divel ek sjoen hie efter in slide, mar nimmen net dy’t der eat fen öfwiste. Mei in net al to noflik sin kamen hja yn Ljouwert oan en dêr stie de ünbikende rider by de slide op hjarren to wachtsjen. It die bliken, it wier Adam hirdrider! W. D. I, bl. 104r-105. Op in oare kear scoe Adam nei Heech, mar hy waerd troch it wiif oansocht om foarof efkes nei Warten to riden, dêr’t hja de oare deis op bisite west hiene en dêr’t de frou it breidzjen lizze litten hie. Grinzers makken hjar al bliid, det de Fries de striid net oandoarst, mar sa wier ’t nou just net alhiel. Op slach fen tsienen kaem de man op syn deade gemak oanstreekjen; hy hie him hwet forslept, sei er. De hirdriderij bigoun, Adam hold syn klean oan. De earste rit waerd er der êfriden, de twade woun er mar krekt, de trêdde ek, mar mei lijen sa’t it like. Lykwols, Adam hie it woun. Marde Grinzers seine, hja leauden net det dy Fries nou safolle hirder koe as hjar lansman. Dit kaem Adam yn syn eare en hy sei: Opskepperij ha’k it mier oan, mar nou scil ik jimme ris sjen litte det ik eins noch net riden ha. Wer setten de pottebakkersfeint en Adam üt ein; do’t Adam oan it ein fen ’e baen wier, ried er foart werom. Op heallewei mette er syn petuer dy’t noch op ’e hinnereis wier! Sjuch, sei Adam tsjin it folk, nou ha’k myn bést ris in bytsje dien. Oare kant Jirnsum, op ’e Krüme Grou, mette üs maet trije turfskippers üt syn kinde. Hja wierne drege riders, mar rieden oan ’t heakje om’t hja hiene it yn ’e wyn. Fensels bleaune hja efkes stean en fornijden Adam, hja scoene nei Heech. Dêr scoe ik ek hinne, andere dy, mar ik moat earst efkes nei Warten om boadskip. Det wier wol spitich, hwent oars hie er moai oan it heakje kind, mar it wier net oars. Hja skaetten. In skoft letter rieden de trije skippers op ’e Greau twisken Snits en Drylst do't hjarren ien fen efteren mei lange streken foarbysweve, dy’t ringen in stik lan ef hwet foar wier. De foarste digere him efternei en sei: hwet deale as det wêze kin, bigryp ik net. As ik net better wist, scoe ’k sizze, it is Adam, mar det kin net. Lykwols do’t hja troch Heech gongen, stiek der immen de holle oer de ünderdoar en röp hjarren ta: Dei frjeonen! Hwennear scille wy joun ride? Ik scoe graech mei jimme oan it heakje wolle! It wier Adam en hy hie it wiif hjar breidzjen yn ’e büse. Noch in oar stikje wirdt er fen him forhelle. Op ’e Aldeskou mette Adam op in winterdei ris in hearskip op redens dy’t der yet al hwet boarstich ütseach en dy’t neffens syn sizzen nei Birgum moast. Wel, den kinne keapman en ik krekt mei eltsoar; it wier myn reis ek, sei Adam. Dêr gong it hinne. Yn it earst koene hja it yet al pratende halde, marde keapman waerd njonkelytsen stilder. ’t Wier in dregen keardel dy’t in fermen streek ried en oars altiten float halde koe. Mar nou wist er net hwet er der oan hie. De keardel efter him fitere him mar al oan; hy wier der suver fen üt ’e liken. Oerjaen woe er it lykwols ek net, fensels net! Adam hie him yn ’e rekken en wol hwet nocht om de proastige stêdtsjer in pyk to setten; mar einlings kaem syn meilijen boppe. Op ’e Trijehüstersleat efter Grou hearde er in klok lieden. Ho let scoe det wêze?, frege er. Alve üre, stinde it hearskip. Den moat keapman my net kwea nimme, as ik hwet oanhelje, sei Adam. Sjuch, ik scoe nei moeike üt to iten en dy forwachtet my net letter Do’t mynhear op ’e Krüswetters kaem, frege er in baenfeijer, eft de divel ek foarby komd wier. Né, waerd der sein, mar Adam hirdrider is nei Birgum riden en dy hie de sokken der tige yn. For Hüs en Hiem, 1888, bl. 76—78. Knilles Ynses Reen. Sa om it jier 1800 hinne wenne der to Kubaerd in boer, Knilles Ynses Reen by namme, koartwei Knilles Ynses neamd. Det wier ek in earsten hirdrider. Yn ’e winter fen 1808 rieden trije tüke riders üt Boalsert nei de Ljouwerter merk. Der stie in skerpe wyn üt it Noardeasten en hja hiene in stive luk, alhowol hja it heakje to-baet namen. In eintsje de oare kant Wommels kaem Knilles (dy’t do yette gjin namme makke hie) de Kubaerder opfeart del, ünder in tiltsje troch en naem syn plak yn efter de trije Boalserters, noflik yn ’e lijte. Dy hiene dêr net folie mei op, mar hja hopen him op Hulkenstein ünder Littens wol kwytreitsje to scillen. Det foei hjarren lykwols hwet of, hwent do’t hja wer op ’e feart wierne, ried de boer wer mei hjar op. Sa kamen hja to Baerd, mar do wier it de Boalserters to bot en hja praetten of om de frjemde gast to üntriden. Do’t Knillis den ek frege eft er oplizze mochte, waerd er öfstegere mei in: elts moat himsels mar rédde. Wolnou, krigen hja to’n andert, den scil ik to Ljouwert wol sizze, det jimme der oan komme, en hy lei de hannen op ’e rêch en skeat mei kügelsfeart foarüt. De Boalserters stiene for gek en hiene danich it smoar yn det hja sa foar de kroade riden wierne. Do’t hja einlings by it Fallaet to Ljouwert ofbounen, seagen hja der nij fen op det der noch ien op it iis stie, hwent mei de füle wyn hiene hja nimmen op redens sjoen. It die bliken det it hjarren reismaet wier dy kalm syn pypke smookte en hjarren taröp: Soa, binne jimme as middei: ’t is in minske fen ’e klok, moatte jo tinke. Dei, keapman! En dêr striek er hinne en wier mei koarten net mear to sjen. dér? Wolkom, kom der yn; ik ha de boerekofje al for jimme bisteld! It sin fen ’e Boalserters klearre fensels ynienen op en hja moasten tajaen, Knilles wier in greaten master op it skerp. Hja trunen him oan, hy scoe him der mear op ütlizze en nim diel oan hirdriderij en. Det die er ek en noch deselde winter liet er him by in greate riderij to Snits ynskriuwe. Hy woun mei glans mar biskamme nimmen, hwent hy bleau syn petuer altiten mar in lyts eintsje foar. Op it ein fen ’e baen stapte ef wipte er hird oer ’e streek, likefolle eft er in maklike ef in drege tsjinpartij hie. Hy gong suver stappendewei de baen lans en eltse tred wier alve Rynlanske foetten great. Om rjuchte streken to meitsjen, sa waerd er fen him forteld, hie Knilles him yn syn jongejierren op smelle greppels yn it lan oefene. Syn wiif hie der ek wol wille fen, hwent do’t hja op in middei de jirpels siedende hie en graech hwet mosterd ta it iten habbe woe, streke Knilles efkes fen Kubaerd nei Boalsert (sa’n oardelüre gean) en kaem werom tsjin ’e tiid det de jirpels nóch wierne, mei it potsje mosterd yn ’e büse! Fensels wierne der ek ljue dy’t it net sette koene, det Knilles safolle mansk wier op it iis. Hja habbe him hast ris de nekke brekke litten; det wier yn Grinslan. Knilles wier tafallich op in doarp dêrre, dêr’t in hirdriderij halden wirden scoe en siet yn ’e herberge hwet to iten. Hiel bidaerd joech er to kennen, hy woe wol meidwaen en ora’t men him net for sa’n baes op redens forsliet, liet men Knilles ta. Mar do’t er ütein sette, hiene de Grinslanners gau yn ’e rekken hokfor fleis hja yn ’e küpe hiene. De iene foar, de oare nei waerd der fen ’e frjemde ófriden. Howol hja tajaen moasten det de ünbikende hjarren allegearre oermansk wier, woene hja him de priis dóch net ta ha en by de léste reed lieten hja sabeare by üngelok in slide oer ’e baen sliere, krekt foar Knillis syn foetten, yn ’e hope fensels det er kaem to fallen. Mar det kaem faeljekant üt: Knillis ljepte der oer hinne as ’t ald wiif oer ’e strie en woun noch krekt de priis. W. D. I, bl. 106—107; Buttingha Wichers, bl. 185—188. Reade Atse, in hirdrider üt Boarn, hie it ris to Grou woun. Hy dronk der in tige boarrel op en rekke de jouns let moai dronken op redens om nei hüs ta. Mar op ’e Pikmar koe Atse it net mear op foetten haldde, hy siichde der hinne en krige op it iis de sliep to pakken. It frear det it ongele, mar Atse sliepte de hiele winternacht troch. De oare moarns waerd er wekker, soun en wol, wylst it him ynienen yn ’t sin kaem, det er dy deis to Snits ride moast. Hy ried der opslach hinne en hwet yette it measte seit hy woun de priis! Meidieling O. S. Akkerman. Fokke hirdrider. Dit wier in oeribelbêste rider dy’t noch nea syn master met hie. Mar op in joun ried er ris yn ’t ljochtmoannewaer in lange rjuchte feart del, do’t er immen op side krige dy’t him grif efteryn riden wier. Fokke sette de sokken der yn, marde man neist him joech gjin krimp en ried moai lykop. Fokke loek noch hwet hirder oan ’e efterste skonk, hy switte op ’t lést as in otter, mar ’t wirke neat üt, de ünbikende ried like hird en sa’t it like mei it greatste gemak. Under in brêge wier Fokke syn maet efkes kwyt, mar oan ’e oare kant ried er wer fennijs neist him. Nou liet Fokke it mar sitte, hy sette de hakke yn it iis en sei: Det haste woun, divel! Mar do’t er opseach wier der gjin divel mear to bikennen: hy hie tsjin syn eigen skaed riden! P. C. Scheltema, Verzameling van spreekwoorden enz., blz. 42. Reade Atse. tiden omspüke. Ta oantinken is der boppe de büthüsdoar in stiennen kop ynmitsele dy’t der noch sit en nei’t üs wol sein is, siperen der sims noch wol ris drippen bloed üt. Det is nou foarby en nea heart men der mear fen. It Heitel&n, 1935, bl. 154—155- Byld to Boalsert. Op it poartsje njonken de Waech to Boalsert stiet in byld mei it ünderskrift: Fortuna patientia victa. It folk seit der fen, it byld stelt in frommins foar det in skiep stellen hat en dêrom for ivich mei de boeijens oan in peal fêstklonken stean moat. Vander Meulen, Bolsward’s Kunst en Kunstgeschiedenis. It Poepekrüs Oan ’e alde Harstewei twisken Jistrum en Koaten in gedielte fen de eardere Grinzer wei fynt men yn ’e Noardlike berm in great krüs ütgroeven, likernoch in han djip; de earms derfen binne like lang. Dit is it Poepekrüs en it waerd foarhinne alle jierren opmakke. Men forhellet fen dit krüs, det it ’t oantinken biwarret oan in moard yn it skiere forline bigien op in Dütske hantsjemier. Dy „Poep” moat op dit iensume plak formoarde wêze en men hat do in krüs yn ’e groun makke, mei de forplichting, det de ljuwe dy’t derby wenje, it alle jierren opmeitsje moatte. Ho lang it krüs dêr leit, wit men net, mar ik moat al üt ’e „Roomske tiden” êfkomstich wêze. Folksmüle. It krüs fen de Harstewei wier net it iennichste yn Fryslan. Oan ’e Grinzer strjitwei, by de brêge oer de Kükhernster feart, stie yn it bigjin fen dizze ieu yette de herberge It swart krüs. Dizze herberge hie syn namme krige fen in moard op in poep en dêr tichteby wier „Bij nacht en duistermaan, circa twaalf uur rijst er een doodsbleeke mannengedaante voor U uit de grond, bloedvlekken zitten er op zijn als vuur gloeiend hoofd. Bloedvlekken kleven aan zijn handen. Bloed druipt van den dolk waarmede hij door de lucht zwaait en eindelijk naar een plek wijst, als wilde hij zeggen: „daar! daar!” Volgens de meening heeft hier de roover van ’t Zwartkruis het geld begraven van zijn slachtoffer.” Der hat ek in Poepekrüs west oan ’e Simmerwei twisken Noardbirgum en Hirdegaryp, tichte by de pleats „Huis ten Bosch”. Efkes fierder leit de Poepekamp, in hoekje lan oan ’e Keizersdyk. Dit krüs forhelle men fen, det der yn ’e tiid fen de herfoarming by Huis ten Bosch om by nacht en üntiid in Dütsker fen rovers oerfallen en formoarde wier. De oare moarns waerd it lyk yn in poel foun. De pastoar fen Hirdegaryp makke der biswier tsjin om it lichem fen ’e forsleine yn ’e wijde groun fen it tsjerkhöf to bigraven en joech oarder om it oan ’e kant fen ’e wei, foart by it plak dêr’t it foun wier, to bidobjen. Teffens moast dêr it teiken fen it krüs yn ’e groun ütdold wirde en forplichte hy de boeren fen it gea dit krüs alle jierren op to meitsjen. Dizze forplichting gou ek foar de takomst; dêrfendinne det it krüs troch de ieuwen hinne yn eare bleau. J. H. Riemersma: Door’t Kruis bewaakt» yn: Fr. Volksalm. 1893, bl. 22—25. De hear J. Hepkema hat destiids in stik üntditsen fen 7 Aug. 1783, dêr’t yn stiet, det op in moam yn it bigjin fen Augustusmoanne fen det jier de arbeiders Jan Bouwes en Eelke Melles op it l&n fen Sybren Bouma ünder Gaestmabürren oan it weetsichtsjen wierne, do’t hja yn it nót in seine en yn ’e sleat in hoed en in minskelichem founen. Doarpsrjuchter Dirk Piters fen Hirdegaryp dy’t fen dizze fynst op ’e hichte brocht waerde, helle de chirurgyn Nanne Winnius derby. It lyk wier for ’t greatste part forgien en waerd yn alle stilte op it Hirdegeriper hóf opdroegen. in Spoekloane dêr’t dy moard bard wier. Oer dizze Spoekloane forhellet it Wykblêd Kanton Bergum fen 15 Nov. 1884: De forsleine like „aan ’t habijt een vreemdeling en hannekemaaijer”; dêrwiisde ek op itjinge er by him hie, in sek mei klean en ark, mar gjin jild. De hantsjemier scil dos formoarde en do biróve wêze fen it lean det er yn ’e üngetiid byinoar skrept hie. De hear Hepkema hat yn it stik neat oer in krüs fine kinnen, mar him tinkt, det dit ütgroeven is ta in oantinken oan ’e moard en wol om’t de hantsjemieren hast sünder ütsündering oan ’e Roomske tsjerke wieme. Nieuwsbl. van Friesl. 7-4-1906. To Bakkefean, oan ’e Südside fen ’e wei nei Duerswald, foun men eartyds ek in Poepekrüs yn ’e ünderwal fen in droege sleat, det alle jierren opmakke waerd. Ik hab it net werom fine kind, wol waerd my it sté wiisd. Men wist der net folie fen to tortellen. Der scoe in Roomske reizger (keapman) formoarde wêze, neffens de iene; de oare woe habbe in boer üt Wester-Bakkefean. (Neffens it „Nieuwsbl. v. Friesland” fen 21 Des. 1915 waerd it krüs do yet yn eare halden.) Folksmüle. It krüs yn it Wdld. Op it Hearrenfean, yn’eboskenfen dehearTuimelaer, wiist men in plak oan yn ’e foarm fen in krüs, dêr’t gjin strükje op waechse wol. Dêr habbe yn alde tiden twa ridders, broerren, elkoar formoarde. Wolf, Deutsche Marchen und Sagen, bl. 584. De skriuwer dielt mei, det dizze sêge him oerbrocht is fen de hear T. R. Dykstra to Ljouwert. Hy hat blykber net al to goed lézen, ef Dykstra net to düdlik skreaun, hwent der stiet: ~Auf den Steerenveen in Drenthe . . . De „Tuimelaersbosk” bistiet yette yn it Oranjewald. Neffens in oanteikening fen de hear J. Hepkema op it Hearrenfean dy’t ik yn in skrift foun, wier dit krüs yn it bigjin fen dizze ieu yette bikend. It laei yn ’e greate Tuimelaersbosk, likernóch foar it Jagershüske oer. Iduna IX, bl. 69 jowt de sêge folie wiidweidiger: Yn it Oranjewald wirdt in plak oanwiisd, dêr’t fjouwer beammen yn in fjouwerhoeke steane op in lytse hichte, sadet de groun twisken Alearen stie der yn it Wald in stins dêr’t twa broerren op wennen, beide ridders. Hja wierne op ’e selde jonkfrouwe foreale en dit joech fensels in great skeel. Op in kear foelen der sokke hirde wirden, det de beide broerren slaende deilis rekken. Hja loeken de swirden en sloegen op mankoar yn. Fjuchtsjendewei rekken hja buten it slot en op it plak dêr’t yette de fouwer beammen steane, kaem de dróvige ein. De iene broer stiek de oare dea en do’t er syn misdied seach, makke er ek in ein oan syn eigen libben. Hy foei krüslings oer syn deade broer hinne en joech de léste siken. De wrake fen ’e Himel leit sünt op dit plak en it gelde krüs yn it gers biwarret it oantinken oan ’e broerremoard. De Krüssteich. Op ’e Jouwer hat men de Krüssteich, dy’t foar it gemeintehüs oer yn ’e Midstrjitte ütkomt. De steich moat hjar namme üntliend habbe oan in krüs det alearen oan it bigjin derfen yn ’e groun to sjen wier. It waerd foarme fen hwet aparte readige stiennen, dy’t yn ’e balstiennen bimitsele sieten. Faken briek men dy stiennen der üt, marde oare deis siet it krüs altiten wer op itselde plak. Doch is it op in dür fordwoun en nou is it krüs al sünt lang net mear to sjen. Folksmüle. Krüs by Droegeham. Bisuden Droegeham stiene alearen oan in alde sanwei in stikmennich beammen. Yn ien dêrfen wier in krüske snien, det der oanbrocht wêze moat ta oantinken oan in moard op in ald man, dy’t dêr de beammen in slinke foarmet. Yn dizze küm dy’t allinne mei gers biwoechsen is, fynt men in keal krüs, likernöch twa centimeters breed, det net fierder rint as de beammen steane en det men, as men twisken de beammen stiet, altiten rjucht foar yen hat. Op dit krüs kin neat waechse; likemin kin der eat op lizzen bliuwe. Smyt men der hwet op, den leit it efkes letter wer büten it krüs. oan ’e dyk fen kant brocht is. Letter is de wei forlein en de beammen ek dy mei it krüske binne roege. Folksmüle. Hynder rédt syn hear. Op Heemstra-state to Oentsjerk leit yn it tün op in lytse hichte in greate grêfsark; der stiet in opskrift op, mar düdlik to lézen is it net. Neffens it folk is dizze stien fen Eisinga-state of helle dêr’t er tsjinne om it grêf fen in hynder oan to wizen. Dit bist hie syn hear üt ’e hannen fen ’e fijan rédden mei’t it oer sa’n greate feart oaren sizze: oer sa’n hege mürre sprongen wier, det it oan ’e oare kant dea lizzen bleau. Mar syn hear wier rédden en dy hat do üt tankberens dizze stien op it grêf fen it trouwe bist lizze litten. Meidieling KI. Sierksma. De Bisskopsgrêven. Twisken Drachten en Smel-Ie by de brêge oer de Draeit yn ’e Südlike barm fen ’e wei lizze foart oan it wetter trije berchjes dy’t folie wei habbe fen alderwetske grêven, ophege en in foech mansel lang. Dit hoekje lan neamt it folk de Bisskopspöle en de trije berchjes steane bikend as de Bisskopsgrêven. De brêge seis, de Postbrêge, heart men ek wol de Poalsbrêge neamen. Likernóch trije hündert jier forlyn, de ien seit yn ’e Spaenske tiid, in oarenien yn 1672 (dit léste jiergetal moat krekt wêze), binne hjirre trije Poalske (ek wol: Franske) bisskoppen yn ’e striid bleaun, wol it forhael, en de liken hat men oan ’e Draeit bigroeven. Hja wierne fen ’e greate kliber of rekke en waerden fen Boarnbirgumer boeren dy’t hjarren founen, deaslein. In oare lezing is, det yn 1672 in keppel soldaten fen bisskop Bjentsje fen Galen dy’t by Aldegea forslein wierne, de Hege Wei delkamen en op Drachtster Piip, dêr’t do ek al in herberge wier, oanstitsen. Trije fen dizze bisskoppelike kriichsljue Poalen, nei ’t men wol seagen to djip yn ’e romer en mei in sneed yn it ear De grêven fen ’e trije „bisskoppen” moasten alle jierren opmakke en ünderhalden wirde. Dit bitingst is skriftlik fêstlein do’t de pöle yn 1871 fen notaris W. van Blom to Drachten yn ’t iepenbier forkoft waerde. Letter is J. Gelinde van Blom eigener fen it hoekje groun wirden, wylst hjoed de dei de gritenij Smellingerlan de Bisskopspóle yn bisit hat. In skoftsje hat men it opmeitsjen fen ’e grêven sloere litten, marde léste jierren wirde de grêven geregeld ünderhalden. Do’t der in pear jier forlyn fen gemeintewegen in opslach op dit plak komd is, moatte de „grêven” hwet forlein wêze nei it easten ta. „De bisskoppen binne forkrüpt”, seit de folksmüle. Bisskopsbeantsjes. In bipaeld soarte fen beantsjes wirde op somlike plakken soldatebeantsjes neamd. Men sjucht op ’e frucht in figuerke dêr’t men in soldaetsje yn ’t blau üt makket. Alearen moatte dizze beantsjes in bulte yn ’e Walden forboud wêze. Yn Duerswald en omkriten moat det noch wol it gefal wêze; dêr praet men lykwols net fen soldate- mar fen bisskopsbeantsjes. En men wol ha, det de earsten groeid binne op ’e Bisskopsgrêven by de Postbrêge. It figuerke sjucht men den in bisskop yn. Dizze soldatebeantsjes foun ik yn „Swanneblommen” (tiidskrift for Fryske tael- en skiedkinde), Nov. 1920, bl. 166, yet it folgjende oer: Der is in soarte fen wite beantsjes, dy habbe oan ’e kant dêr’t se yn ’e püle fêstsitten habbe, in swart krüs. Sa’n krüs hat ek wol hwet fen in leaden soldaetsje. (Boartersgüd) • Nou fortelt men inoarren wol meast üt ’e grap, mar güds miene it, det der nei rekken hja by de oaren wei en waerden it paed bjuster. Yn it hüske dêr’t nou de dykwirker wennet, moatte hja fen boeren üt dizze omkriten foun en daet wêze. Oaren wolleder op üt, de soldaten scoene forrie yn ’t sin hawn habbe en wierne fen doel om de Wylgen en Smel-Ie de Bisskop fen Munster yn ’e hannen to spyljen. de oarloch fen ’70—’71 op ’e slachfjilden beantsjes forboud waerden. Dy slachfjilden dêr laeine fensels gans soldaten yn bigroeven en do’t de beantsjes droege wierne, en üt ’e püle helle, die ’t bliken, det se allegearre it ófbyld fen in soldaet sjen lieten. Dit scoe de soarte sünt dy tiid eigen bleaun wêze. Ut ’e folksmüle teikene ik yet op, det op ’e soldatebeantsjes in ofsier stiet. Det komt om’t de beantsjes groeid binne op it grêf fen in ofsier dy’t ünskildich to rjucht steld is. Yn ’e Südwesthoeke mient men, det dizze beantsjes groeid binne op ’e slachfjilden dêr’t Napoleon syn soldaten bidobbe lizze. Folksmüle. De Bisskopstrije. Bi-easten Swichum, tsjin ’e Wergeaster dyk oan, leit in stik lan, det de Bisskopstrije neamd wirdt. Neffens de oerlevering scoene dêr trije bisskoppen bidobbe lizze en alden fen dagen to Swichum en to Wirdum habbe de grêven op dit lan yet wol kend. ’t Wierne trije like lange en like hege griene berchjes, mar se waerden net ünderhalden en binne den nou ek fen it fé totrape. Folksmüle. Slach op 'e Heskampen. Yn ’e Heskampen, sa’n 3 K.M. bi-easten Ferwerd, mient men yn ’e sleatten as it wetter tige klear is, bloed to sjen op ’e boaijem. Men bringt dit yn forban mei in bloedderige fjildslach (om 1390 hinne). Dizze sleatten wirde net slatten. De modder is stribbich en it lan wirdt der troch bidoarn. Meidieling üt Ferwerd. Fraechlist 1937, Volkskunde- Commissie. Oan ’e Hegewei, op ’e skied fen Aldegea en Nijegea, leit in moai greate stien, dy’t al yn 1664 (op ’e kaert fen Schotanus) as de Blauwe Stien bikend stiet. Neffens it ald forhael plichte pater Boudewyn, in münts fen it kleaster Smel-le, as er wirch wier fen it deistige wirk, op dizze stien faken to sitten om üt to rêsten. It boerefolk üt ’e omkriten mocht de münts jerne lije om syn frommens, syn deuchdsumens en syn goeddwaen. As Boudewyn op ’e Blauwe Stien siet, troppe al it folk om him gear en sei him goêndei. Marde pater waerd in dei alder en op ’t lést foei de reize nei it plakje oan ’e Hegewei him to swier. Tachtich jier wier er, do’t er in skoftlang yn it kleaster bliuwe moast om ’t de kuijer him to noedlik wier. Mar op in kear krige er in tige langst om it sté dêr’t er sa jamk tahalden hie, yetris to bisykjen. Op syn winsk brocht men him mei in roeiboat nei de stien en lyk as meastentiids stie it geafolk om him hinne. Do krige de fromme man in fisioen en hy foarsei de omstanners det by dizze stien ienris in swiere striid striden wirde scoe, marde fijan scoe bilies jaen moatte. Do siichde er derhinne en wier dea. Nieuwsbl.van Friesland, 11 Jan. 1916. Sjuch ek: Geschiedenis van Smallinger- land, yn Gids v. Drachten e. 0., bl. 19. De foarsizzing fen Boudewyn is ütkaem. Yn 1672 diene de mannen fen Bjentsje van Galen in ynfal yn Fryslan. Fen Semar teagen de soldaten oer Nijegea op Aldegea oan, de Hegewei lans. Marde Aldegeasters seagen it swirk driuwen. Under lieding fen in ald-matroas stieken hja de dyk, dy’t oan alle kanten yn it wetter laei, troch en boppedet smieten hja in greate stan-yn ’e wei op fen ploegen en eiden en setten dêr in great tal bijekoerren del. Det wier in snoade set, hwent do’t de fijan der oansetten kaem en de forskansing opromje woe, fleagen de bijen by tüzenen üt ’e koerren De Blauwe Stien by Aldegea. wei en de Poepen moasten fen ruten spylje. Fierder as de Blauwe Stien habbe hja net west en üt spitichheid en lilkens habbe hja do mei hjar sabels op ’e stien omslein en omhakt. Sa binne de groeden en fiken üntstien dy’t men hjoed de dei yette op ’e stien sjen kin *). Folksmüle. *) Nei alle gedachten binne dizze groeden saneamde „gletsjerkrassen”. L. KLOKSEGEN. De klokken ien Gongryp. Gongryp hie in pear moaije klokken yn it klokhüs hingjen, dy’t sa skoan (ef sa fül) letten, det it stiek de ljuwe yn Snits dy’t de klokken dêr hielendal hearre koenen de eagen üt. Op in kear teagen hja nei Gongryp, hellen ien fen ’e beide klokken üt ’e stoel en bruiden dy ünderweis yn ’e Snitsermar. Sünt steane de Snitsers yn ’e Legewalden bikend as „Klokkedieven” en heart men sims op stille dagen üt ’e djipten fen ’e Mar wei sêfte klanken rüzen. Det is den de Gongrypster klok dy’t ünder wetter seis net swije kin. Folksmüle. De boaijem fen ’e Tsjükemar is it oan ’e noardkant nuver mei gesteld. De iene seit, der leit in strjitwei yn ’e mar, in oarenien wol habbe, der rêst in ald slot yn ’e weagen, wylst gun fen bitinken binne, der leit in tsjerke yn. In inkeldenien hat der wol ris süntsjes kloklieden heard. Meidieling T. Bylsma. Dy’t oer üs marren en poellen sylt scil grif wol ris harke habbe nei it kloklieden det men hiel yn ’e fierte en oanienwei troch mient to hearren. Friesland van den waterkant bekeken, bl. 47-48. Klokketsjeaven. Do’t de Fransken yn Fryslan omstreupten, habbe hja de klokken üt it Oerterper klokhüs stellen. Hja koene se lykwols net meinimme en ünderweis bruiden hja de klokken yn in kolk oan ’e Beakensdyk, efter Sigerswald. Dêr lizze se nou noch en liede ek, waerd der wol fen sein. Folksmüle. M. FEN NAMMEN, Lünbird, Tsjalbird, Gersleat. Der wierne ris trije sisters dy’t net troud wierne en dy’t Lutske, Tsjaltsje en Gelske hieten. Hja koene it wol aerdich stouwe en tochten, det hja in goed wirk diene as hja noch by hjar libben dit jild brükten ta it bouwen fen in tsjerke. Lutske en Tsjaltsje hiene genöch efter it linnen om in tsjerke mei toer yn syn hiele hear en fear bouwe to litten, mar Gelske like hjar hwet forrekkene to habben, hwent der bleau by hjar gjin jild mear for in toer oer. Sa krige dit doarp in tsjerke sünder toer. De doarpsljuwe koene de sinne wol yn ’t wetter skinen sjen en wierne like wiis mei hjarren tsjerke as de oaren mei hjarren toer derby. En allegearre neamden hja hjarren doarpen nei de goede skinksters en sa kamen de nammen Lünbird, Tsjalbird en Gersleat yn ’e wrald. Nieuwsbl. v. Friesl., 9 Juny 1933. Akkrom. Oer ’t üntstean fen de namme Akkrom (sjuch dl. I, side 5) wirdt ek wol forhelle: „Wy hienen mankoar der faker as ienris attint op makke as hwet bysünders. Nou, det binne yet de klokjes fen it alde Warten det yn ’e weagen forsonken is, seit de folksmüle.” Do’t der ris in poepeselskip troch Fryslan reizge, kaem men ek by de Boarn, dêr’t nou Akkrom leit. len seach nijs oan de nuvere greate bochten dy’t it farwetter dêr makket. „A, krümm”, sei er en sünt dy tiid is Fryslan in Akkrom ryk. Meidieling W. J. Koopmans. 't Amelan. Men moat witte, det Harmen Koarthakke oan alle eilannen nammen jown hie en det er dy yn syn memoarjeboek opteikene. Hy hie efter de léste namme al Amen set, do’t er to let bimirk det er yette in eilan binoarden Fryslan forgetten hie. Om nou net yn syn memoarjeboek to malkjen sette er efter it Amen it wirdt „land”, en om’t üs maet in Amsterdammer fen komof is, dy’t de n oan it ein fen in wird net ütsprekt, kaem fen Amen-land de namme Ameland. HS 546, J. H. Halbertsma. Sjuch ek: R. en T., s. 404. Wergea. Oangeande dizze namme woe men der op üt det twa greate reuzen, dy’t üt fiere lannen weikamen en it ein yn ’e bek hienen, by dit doarp mei de earms oer in hikke hinne hingjen gongen, wylst hja wakker klagen oer hjar „warge lea”. A. Wassenbergh, yn: Fr. Volksalm. 1840, s. 138—139. Koudum. „It gerjucht fen Koudom siet yn it warhüs by in gleon fjur, dêr’t hja de skinen by barnden; de siktaris röp: koude turven der om, mar do dy trochkamen, moast de hiele rie de keamer romje. Fen dêr de nanune Koud-om, det de bizen ek boekstaverje: Kou-dom”. Rimen en Teltsjes, bl. 391. Der moast ris in feart groeven wirde fen Frjentsjer nei Peins. Det wier gans in stik wirk. Nou libbe der yn dy omkriten in reus en dy naem it wirk oan. Hy seage in pream midstwa en brükte dy as lodde. Hy bigoun moarns yn Frjentsjer en do’t it joun waerd, wier de feart klear en wier er al yn it doarpke det letter Peins hjitte scoe. Hjir iet er in öfgryslik great miel grouwe earte. Nei öfrin gong er mei it grouwe liif oer de tsjerke hinne hingjen. It grommele de reus raer en hy rop: „O, myn pens!” Fen do of oan hiet dit doarpke PEINS. De reus roun lykwols fierder mei syn pine yn ’t liif en by it folgjende doarpke moast er yn ’e wal. De minsken dy’t det seagen seine: „O, hwet in swijn!” En neitiid hiet dit doarpke SWEINS. Meidieling D. A. Tamminga. De Biltdoarpen. De nammen fen ’e trije Biltdoarpen St. Anne-, St. Japiken „Lieve Vrouwe-Parochie” (Frysk: Froubuert) moatte to tankjen wêze oan ’e Hollanske hearen dy’t yn it bigjin fen ’e 16e ieu it Bilt oanmakke habbe en dy’t de doarpen neamden nei hjarren wiif. It iene hiet Anna, it oare Jacoba en „Lieve Vrouwe-Parochie” sloech op beide. In doaze fol snypsnaren, bl. 59. Ysbrechtum, Tsjalhuzum en Tirns. De doarpkes Ysbrechtum, Tsjalhuzum en Tirns (ütspr. Teuns) binne fen trije skatrike hearen stifte, nei alle gedachten allinne om de nammen fen hjar wiven dêr’t hja tige mei op hiene, to forivigjen. De frouljue hieten n.l. Brecht, Tsjal en Teune (Antonia) 1). In oare lezing forhellet, det der fjouwer sisters wierne dy’t elts in tsjerke stiften. Folsch ef Folkertsje scoe den in tsjerke boud habbe dêr’t letter Folsgare üntstien is. 1) In doaze fol snypsnaren, bl. 59. Ho’t Peins en Sweins oan hjar namme komme. Wjirrum. Do’t men to Wjirrum de earste toer en tsjerke boude sünder det men wist ho’t it doarp neamd wirde scoe, kaem dêr in ald wyfke en dy frege: Wierom (Hwêrom) sette jimme de tsjerke en ’e toer sa nei oan ’e sédyk? Wierom?, frege de boumaster. Ja, wierom? frege hja yetris. Nou ja, wierom? sei hy wer, om’t er der einsen gjin reden for wiste. Dêrtroch krige it doarp de namme fen Wierom ef Wjirrum. Fr. Volksalm. 1857, bl. 53. Garyp, Semar, Birgum. Yn it Suden fen Tytsjerksteradiel laeine trije doarpen dy’t yet gjin namme hiene. Nou kaem yn ien fen dizze doarpen ris in tsjeaf oanfleanen, dy’t de wyk spile hie for de tsjinners fen it rjucht. Alleman dy’t him seach, röp fen: Gryp! Gryp! Marde tsjeaf üntkaem en naem de flecht nei it oare doarp. Dêr woe men him heine en men röp elkoar ta: Sa mar! sa mar! Mar wer woun de flechteling en hy kaem yn it trêdde doarp. Dêr waerd er oppakt en nou röp men: Berg him! Berg him! De skarlün waerd yn it hounegat set en de doarpen krigen de nammen fen Garyp, Semar en Birgum. In doaze fol snypsnaren, bl. 60. De Trynwalden. Yn it Noardwesten fen Tytsjerksteradiel wenne alearen in ryk frommins det fen Tryn hjitte. Hja hie saun bern en mocht ek saun greate boerepleatsen hjarres neame, Do’t de mem stoar, krigen alle soannen in pleats en om’t dy sa great wierne, stiften hja der ek allegearre in doarp op. De aldste broer stifte Aldtsjerk, Oene neamde it doarp det er boude, Oentsjerk, Reade stifte Readtsjerk (Dantemadiel), Wynse Wyns, Gike boude Gytsjerk, Rypke Ryptsjerk en Tite Tytsjerk. De saun doarpen mei mankoar waerden nei de mem forneamd en steane sünt as de Trynwalden bikend. In doaze fol snypsnaren, bl. 59.