Bij «!«>« uitgever «lezt»» Is mede verschenen: W.'dykstra, De Silveren Rinkelb-'l. (Uit het Fries,1, vertaald) ƒ 1.20 >. » De Timmerknecht van Klaverterp - T.20' » De Wever ten Wfsterbiirren -0.90 » De Frijmitseler fen Jinsenbürren . . . . . -1.30 » >■ For Nut eh Noeht -0.90 » » De Boeresjonger -0.30 » » Mink mei 't orgel -1|-- ) Haitskemoai op 'e Tentoanstelling fen Frvske Aldheden to Leauwerd, in 1877 -O.l» & A. Boonemmer, Fryske Winterjune-Noeht, (Fjirde boek) -1.— >. » Fryske Winterjune-Nocbt, .(Fifte boek) . . • - 1» > k T. G. v. d. Meui.es, In doaze lol Alde Snypsnaren, '2e druk . " ^ .1. v. T>. Veen, Donwe Osinga, of herinneringen aan de Historische tentoonstelling van friesland in 1^77 - 1.2o D. Haxsma , Sippe Scheltema of de Dockumer Furie troch du Watflen, yn 't jier 1572 -O,50 toaniklstikkkn. Lubbert Krchtink /O.oO Kabberv beskamme en woldwaen beleane * °-50 c\ or% It Tsiende Gebod . .. . j ...... • Trjje jierren letter of Levi Smoel de Lotteryjoad, (Darde printingé) - 0.25 De Utdragerawinkel, (Oarde prinlint/e) De Alde Jas, f Tredde pnntinae) - 0.40 Mann«boer en Master Slim.'qt Heitenoed en Frjjerslist . . • 0.30 De boer by de Divelbander " Solke mei de baergefoetsjes In alde rot yu 'o falie " ° °ö Kees Moster * * " TbonmsenTsjauike of de mislokte reisnei N. \.,(Oardepiiiitwge) - 0.30 't Wiif ut to arbeidsjen Lubbert of do mislokte nioart " ® In neef üt Amerika " " De gearjeft fen Japik en Beitske - 0.30 Troch 't tsjoede ta 't goede - 0 00 liiucbt en sliucht of o..rs om " ö "l) Al\ MM üt, mal * , De Sabeare Dokter " De Skinke ef de Skelin yn 'e knip "0 De timmerman van Hoosdorp ' " In Faem en in Arbeidster 1JY KEAPMAN WAT8E. KLUCHTSPIL KEN WAI.ING DYIvSTRA. Tredde Frintinge. IN FAEM EN IN ARBEIDSTER BY KEAPMAN WAT8B. KLUCHTSPIL l'EN WALING DYKSTRA. Tredde Printinge. Fheantsjer, T. TELENGA. FOABIIEDEN. Dit stikje is opmakte nei oanleiding fen in aldhollansk Kluchtspil, mar dêrom hóeft it, leau 'k, just net in fortaling ncamd to tvirden, hwent ik hab it forarbcide en forfriske, alheel nei min eigen goedfinen; en hwet de cigenlike tekst oangiet, mg alheel ncat oer 't oarspronkelike bilcommere. Folie tnorael sit er in dit Kluchtspil net, war ik scoe ek net sidse dat it in striid is mei de goede smaek, of de goede seden bidjerre ken. De Friezen bigjinnc al tinkende wei mear noelit oan Komedie-spiljen to knjen, en ik miende to merken dat se wol ris teer in ny stikje ha woene. Dérom is dit ré makke en wirdt it non for de tredde kear in 't Ijoeht jown. Holwkrd. W. D. PERSOANE N. Keapman Watse, in ivolsteld borqer hi in great dorp. Wikje, sin broers dochter, dy 't btj kim inwennet cndi'r 't hij fald oer is. Saep, tsjinstfacm. .Tai'ik, boadskiprenners-jonye by keapman 1 Vatse. Boue Kroppert, fellekeaper oan de Snitser kant wei. eabele, f rijer ƒen Wilcje VVopke, shi spilfeint. Eksteur. Fjildwachter. Net sprekkende: twa Arbeiders. It toaneel is in dubelde streek husen, dér 't oan elke kant in steecli 111 is. Foar oan de iene side is 't liüs fen Iveapman Watse. It stik bigjint in bitsje nei middei en einget tsjin de jün. [H FAEIM IN ARBEIDSTER by I\ E A iJ M A N W A T S LC- KX.UCMTSPIL. EAliSTE TOANIEL Keapman Watse, Saep. Keapman Watse, (tsjin Saep, dy ta de doar ut komt, sljucht wei forklaid, mei in doek mei guod tinder de earm, — wils 't laj hi de doar stean bljuwt.) Nou meitse mar datst üt min eagen komste! ik wol neat gjin praetsjes mear feil dy ha. Ik ben fen dy óf; din jild beste safier as de tiid rikt, en seis wike boppedien, dus dou best neat to sidsen. Saep. Nou ik liald it üt, it is stomme gemien fen jo. Ik ken altiid tige skoan weide balde, 't is my noait net earder oerkomd dat ik in 't jier üt de tsjinst rekke, en dat ik dat nou fen jo ba mat, dat sit my lieech, dèr ken je op oan! As ik it er nei makke hie, den scoe 'k swye; mar jy kenne my neat gjin ündogense stikken ta lest lidse- Keapman Watse. Hark ris! ik hab dy dat niis al sein, din wirk dér hab ik neat op to sidsen, en ik wit ek net datste my oait Invet üntbindere beste: mar dou rügeste lijir altiid in dy fryery om fen Wikje mei dy nye bakkersfynt. As ik de hakken ris efkes buten doar hab, den bist dou op 'e flitter om bim to warskouen. Dou witste dat ik op dy fint tsjin ben en ik wol sok ding fen gjin tsjinstfaem ba : dêrom mast er üt. Saep. Ja, ik hab it wol in de rekken hwet er etter skulet: hjoed komt dy blaue Kroppert hjir .... Keapman Watse Hy hjit gjin blaue Kroppert! Boue Kroppert hjit er. Saep. Hwet rekket my dat! Mar jy wolle Wikje twinge om mei dy smoarge fellekeaper de geboden oan to jaen, en jy habbe sorch dat wy dy boel mei 'n oar in 'e war helpe scille, dèrom mat ik er hjoed krekt üt. Mar ik sids jo dit, nou 't ik try fen jo ben scil ik min bést yet fölle mear dwaen, om jou plan omfier to smiten. Keapman Watse Ja, praet dou dy mar skiën üt! Dou seit dêr ek wol gans oan dwaen kenne ! Men scoe sidse hwet forbielding as in menske al fen himsels ha ken ! Dou höefst ek net to tinken dat Kaepman Watse forrotte is. (Hy giet nci binnen en docht de doar ta ) OARDE TOANIEL. Saep allcnne. Dy koalle net ? Nou 't er my ta de doar üt het mient er dat er feillich is, en dat er sin lügeltsje wol biwarje scil: mar dér scil er yet ris fen to wekker wirde, hoopje 'k. It scoe oinmers 1» menske griis wéze, dat VVikje tsjin hjar sin oan sa'n kerel plakt wirde scoe, dy 't se foar hjar eagen net sjen mei. — Wacht, dêr komme Eabele en Wopke oan. TREDDE TOANIEL. Saep, Eabele, Wopke. Eabele. Min ginst Saep, ho stietst dou hjir sa aerdicli ? Scit der ris in rentsje op üt? Saep. In rentje der op üt! Ja, dat mocht hwet! Ik hab in fet baerch krige. Eabele. Dy diveker fanke! dêr wild ik sikel kjel fen. Ho is dat sa hommels opkomd ? Saep. Och, de alde noas liet lonte rukt. Hy het er hwet feuontditsen, dat ik dy soms behelpsum ben om to mük by Wikje to kommen En nou wier 't mar: »Gjin genade, sei Doede, nei tsjerke mat ik!" -- Hy het my min jild jown mei seis wike der by En nou wol er in faem sjen to kryen dy 't op tin han is, en liim alles hwet der omgiet trou aondraecht, matte jimme tinke. Wopke. Dat is in lilke püster op 't dambuord. Saep. Ja. is 't net wier ? 't Is for my slim, hwent ik ben midden in 't jier sünder plak, en dat föeget my min ; mar 't is for Eabele ek in tsjinstuit fen bilang. Eabele. Ja, wy benne mar moai fen de wise ! En dat krekt nou 't dy blaue Kroppert to forwachtsjen is. wopke. Nou, mar alle hope is yet uet forlen. Japik is der ek yette. Saep. Nou ja, dy jonge! Hwet scil dy jimme helpe ? Dy is sa bang feu de keapman as fjftr. wopkb. 't Is oars in liepe gut, leau k, en liy is tige lijit op pinning sechstsien. As Eabele hini de hanneu hwet stoppet, den lit er him wol brüke, wol 'k leaue. eabele. Nou, dór scil 't net oan stean. wopke. Lit my den de baerch raar ris himmelje. Ik scil 't yet ris goed in de hölle omgean litte. As wy Japik op 'e han krye kenne, den hoopje 'k it klear te spiljen. Saep. Der is ek net ïölle tiid raear bihalden. Lik as jimme witte, hjoed wirdt de blauwe Kroppert forwachte, en den scil'tdalik trochset wilde, dat se de geboden krye. Haar stil, de doar giet! O, dór is Japik. FJIKÜE TOAN1EL. De Foarigen. Japjk. Japik. f Ja, 't is Japik seis! Jinmie scoene dér wol graech in wolle, tink ik, mar ik ben sa bliid as in piotter dat ik der ut ben. eauele. Ho dat sa, jonge ? Japik. Och, it is dór 111 'e luis sök raer waer, dat in menske scoed er swiersettig ünder wirde. De alde liet de bokkepnik op, hy is sa dwars en forkeard as 't efterein fen in baerch, hwent Wikje wol liet nei sin sin. Hja seit, hja lit hjar der noait ta twinge om mei dy blaue Kroppert de geboden oan to jaen, en de keapman seit, hja scil 't dwaeu. As se net mei dy ald fellekeaper nei 't gemeintehüs gean wol, den scil siktaris mei de boeken hjir oan hüs koinme, it mei den kostje liwet it wol. wopke. Hea noch ta! scoe dy faem der sa bang fen wèse ? Japik Nou ja, dat mast dou ek yet freegje ! Hald dou dy mar liwet dom! — As se mei Eabele nei 't gemeintehüs moast om de geboden oan to jaen, den scoe se wol wolle. Eauele. Mienst dat, jonge? Japik, Jawis mien ik dat! Ik wit malle bést hwa 't der dea is laeu dat mar! Mar ik torbabbelje min tiid lijir ik mat om in boadskip. Saep. Hwet boadskip rnaste dwaen, ju. Japik. Ei, ik mat nei Janke Statkoer, 0111 to freegjen as dy ek in goed faem for de keapman wit, en as 't ken, ek in arbeidster for in dei mannich. Hwent it mat op in himmeljen en omskreppen gean, mat jimme tinke, it komt mei gauens oan 't brillotsjen ta. Wopke- Jonge, noch ta! nou sjiet der my hwet in de kop. Japik, dou wolst üs wol hwet 111 'e ban arbeidsje, net? Japik. Dat is to sidsen, hwer ta ? Wopke. Dat scil ik dy dalik wol fortelle. Mar dou mast foart in ienen net mei dat boadskip nei Janke Stütkoer ta gean. Jai'ik. Ja, mar dy blinder! dat doar ik net neilitte; den scoe 't raer stjonke, as 't omkaem. Wopke. Dat komt 111 de earste ure of seis net om, en den is 't neat mear. Dou mast, fen seis, tsjin de keapman sidse, datste deial wést beste, en dat er in faem en in arbeidster kommescil, den is hy tofreden. Japik. Ja, mar as se den net komme ? Wopke Hja komme grif, dêr scil ik for sorgje. Eabele. Ja, to Japik, dou mast us al hwet mei helpe, ik scil 'twol goed mei dy meitse. Ik hab wol fiifstftrstikken, en as 't er op oan komt ek yet wol göneu. Japik. Nou, sok goed mei 'k wol lye. Saep. Mar ik leau dat wy hjir wei matte; ik hear gepoar oan 'e doar, de alde fornimt fis, tink ik. Wopke. Den kuyerje wy efkes mei 'n oar efter de bürren om, den scil ik jimme sidse ho 'k it in de holle hab. (Hja geane.) FiFTE TOANIEL. Keapman Watse, Wikje. (11 ja komt ta ih doar i'it en hy hjnr cftcmei.) Keapman Watse. Wikje, hwet seit hjir nou wer foar op 'e strjitte dwaen, lanke ? WlKJE. Mei 'k net ris efkes buten doar sjen ? Ik hab hjoed de hele dei In 'e luis sitten to limstankjen. Kaepman Watse. Koest den net allike goed ta de efterdoar üt gean ? Dér is de loft allike suver as hjir. - Ik lia dy wol in de rekken, fanke! omke is fen ien winter sa ald net! Dou hest wer hope dat dy bakkersfynt hjir ris lans komme scil, hwent dy stapt neimiddeis wol gau ris moai forklaid op 'e bürren om. Dat docht er ljeaver as böltjeknipe, tink ik. Slar ik scil wol oppasse en lit dy hjir net allenue stean, ik bljuw by dy. WlKJE. Nou, 't is al freeslik, dat hald ik net üt! dat ik sa op hakken en teannen neigien wirde mat. Omke moast my mar efter 't slot sette, twisken fjouwer roürren, of in in kau, lik as in kanarie. Keapman Watse. 't Koe wol wèse, Ijea, dat dat lang net ontsjinstich wier Hark ris Wikje, dou koeste alle wille mei omke ha, aste din sinnen mar op Boue Kroppert sette woeste. Wikje (stroef.) Dy blaue Kroppert dér mei 'k gjin praet fen hearre, dat witte jy wol. Keai'man Watse (nidich.) Och tutte! hy hjit gjin blaue Kroppert! Boue Kroppert lijit er. Wikje. 'k Ken my neat skele ho 't er hjit. Ik woe wol dat ik sin namme noait wer kaem to hearren. Keapman Watse. Heislikko malle dwarse bigripen kenne sökke greate bern ha, as se wiser miene to wêsen as bejierde minsken. Dou kenst nou in jifliou wirde Ien de allerheechste rang, dou kenst in in kastiel Ien in hüs wenje en dy tsjinje litte oan alle kanten; Dou kenst keapje wèrste sin oan lieste en alle dagen maroan 'e knokkels ta in 't jild taeste; hwent dat het er by 't earen amerfol. En doch wolst net. Wikje. Ja mar, omke, as jy in kat oan 't spek fèstbine, den wol se der net in bite. Keapman Watse. Né, de kop mealt dy mar oer dy bakkersfynt. Mar min ljeave sloof, dou lieste tluessen foar de eagen. Dy fint scoe safölle war net om dy dwaen, as er 't net op din jild forsjoen hie : dat best dou net in 'e rekken. Hy sjucht oars gjin kans om in bakkery to kryen WlKJE. Sa slim is 't lang net mei hini, omke! Hy ken buten min jild heel wol oan 'e gong komme. Hy het in rike omke, dy wol him wol '111 't spil sette, en as dy steart wirdt Eabele de foarnaemste erfgeuaem, den het er safölle wol as ik. Keapman Watse Nou, dou witste 't al moai krekt, dat hear ik al. Dêr is al fry hwet oer redekavele, ken 'k wol fornimme. Hy scil by dy de moaiste bóllen wol foar 't fenster litse, dat lit him bigripe. Mar 't ken neat skele hwet er het of krye scil, Boue Kroppert het fingelike lölle mear. Wikje. lt is de trage yet ek ris, ho 't dy der oan komd is. k Ha wol ris sidsen heard, hy plichte by de boeren run to swalkjen mei in ald baelsek op 'e rêch 0111 lammefellen en mirdefellen op to keapjen, — en hy is earst oan 'e gong komd mei kattestrupen. Den kneppele eroare lju's katten en hyforkochtde feilen. En nou het er jild, dat is wier. Dat hjit er mei de hannel woan te habben; mar 0, 0! dér wirdt sa üngelik oer prate. Keapman Watse. Ja, mar hark ris Wikje, dou kenst alle praetsjes net leaue. Dat it mimen f'oarüt giet 111 de wrald, dat is in teiken dat er knap is en oppassend. En Bone is altiid sa '11 aerdige potsige liear; wündere freanul ken er 't ütstelle; ik raat altiid laitse as er goed op 'e tekst is. Dou scoest heel wol wille mei him ha, ast dy der mar nei jowchste. wlkje Nou 't ken my neat skele, al wier 't de béste üt de béste, ik mei him foar min eagen net sjen. As ik goed om hini tink ken 'k wol mislik wirde. Keapman Watse. It scil doch sa komme, hertsje, datste alle dagen mei him omgean maste. Dou höefste dy net foar te stellen datste der foar wei komste; ik scil dy sa wiis wol meitse. Ik ben din omke en dln fald, en ik hab min eed der for oHein, dat ik in alles it béste en 't foardeilchste for dy siikje scoe, en dat hoopje 'k ek to dwaen, al komt 't altiid net mei din sinoerein. Deimei ik net nei harkje, hwent don biste vet to jong om din eigen bilang 111 to sjen, en den moste mar dwaen sa 't din hölle dy opjowt. In letter jieren scitte omke yet ris for tankje, dat er sa goed for dy sorge het Wik je. Né, sa 't jy 't nou in 't sin ha, ken dat noait sa komme, hwent jy wolle my foar al min libben üngelökkich meitse. Keapman Watse. Ik hear it wol, dou best ek al to folie in romans-boeken lêsen --- Mar sjuch, dér wirdt in sjeas by de herberge ütspan. ik tink dat keapman Houe dér al is. — Jawol man! dér komt er al oan. SECHSTE TOANIEL. De foarigen, Boue Kroppert. Boue Kkoppeht. Goen dei, min beste frjfin! ho giet it vette ? Keapman Watse. Tiore bést! lio giet it jo, man ? Boue Kropperï. Ek bést! Kom, stiene jimme hjir al nei my ut to sjen < Keapman Watse. t Ja, wy forwachten jo mei smerte. Wês wolkom hjir, man • Boue Kroppert. Tank jo! Mar ben ik nou egentlik, goed bisjoen, net in evelse greate gek, dat ik hjir in ure etter Snits wei swalkjen kom, tröch rein en ünwear, en dat allenne om e frjeiy . Ik sjuch er ut krekt as ik in 'e sleat stien ha to slatten. As dat nou om in fracht skieppebloaten wier, dér in fiks deihier op siet, hwet wier «t den?! Mar hjir sc.1 ik net folie smoar fen sette. Keapman Watse (laitsende.) De bisen komme in ienen al wer üt 'e moue; ik mat dei om laitse, sje dér? Boue Kroppert (tsjm \\ ïkje dy t mei de ricli nci him ta stiet.) Is dit Wikje ? Dat seach ik dalik bast net ienris. As ik mij den oars bitink om hwa k disse reis meitse, den is 't wrachtich de moeite wol wirdich. Keapman Watse. Ei ia, Wikje! dou sjuchst mar dwars fen us of. Kear dy ris om en praet in wird mei; dou bist ommers net op 'e mulefallen. W ik je {stroef.) Ik slaen de müle net Ijeafst in praet dat my niet oangiet. Keapman Watse. Dat dy net oangiet ? It giet dy wol tige oan; gjin ien mear as dy! Boue Kroppert. Nou, stil mar, keapman Watse, hja wol hjir in ;t iepenbie» op 'e strjitte sa utlitten net wöse, en dêr ken 'k hjar gjm ungolik in jaen. Keapman Watse. Ja, né, ik wit wol better. Hja het dwarsfluiten 111 'e kop. Boue Kroppert (tsjin Wikje.) Né, dat flout orake allegjerre, Invet seist dou oars ? As dou en ik straks in 'e hüs mar ris goed mei 'ii oar oan 't praten komme, den scille wy 't heel wol lik fine, dér ha 'k neat gjin noed mei. SAÜNDE TOANIEL. De Foarigen, Jipik. Japik. Keapman! Janke stütkoer het sein jy koene inienen rédden wilde. Hjar sistersdochter wier by hjar ütfenhös, omdat se mei in swollene tomme ut de tsjint rekke wier; mar dy tornme wier nou wer better, en nou woe dy faem wol graech by jo wenje. Keapman Watse. Kom fiks! Scoe dy faem hjir hjoed komme ? Japik. Ja, hja scoe strak komme. En nou scoe Janke gau op 'e draef nei dat dikhös, dat der in eintsje buten de bürren stiet. Dér benne in pear jonge Iju in komd to wenjen, dy man is altiid fest by de boer, en nou scoe Janke sjen, as dat wifke hjir net komme koe to arbeidsjen. Keapman Watse. Kom, den rent dat allegjerre al wer aerdich los. Hest al sein dat ik it mei Janke wol goed meitse scoe ? Japik. Ja, dat hab ik al sein; dat wier bést, sei se. Boue Kroppert Heart dy litse beuker ek by jou hüshalding keapman Watse ? My tinkt dy is goed ta'n stop op in oaljekanne. Japik. Ei, tinkt jo dat? Den tinkt my, dat jy in goed oaljekanne benné, of mogelik wol in jeneverkanne. Keapman Watse. Kom, kom, seaft hwet, heite! Wês my ris in bitsje fatsoenliker tsjin Wikje hjar takommende man, hear! Japik. Wel krimmenikus, noch ta! Is dit nou de blauwe Krop- Peit Keapman Watse {springende lilk.) ) Hwet seist my der söksis? - Boue Kroppert hjit de man • mar dou kenst wol sidse fen keapman. En ast dat nou ne ünthaldste, dan scil ik it dy ris unseaft oan d.n forstan bnnge, der kenst op oau Boue Kroppert {laitsende.) Och keapman Watse, meitse jo dér sa lilk mar net omIk mei sökke jonges der wol om lye, dat se my mar goec stof leverje. Keapman Watse. Nou, mar hwet dügge »J W' * 0e aoa' 10 stean ? Lit üs in 'e hCis gean. Boue Kroppert. Ja „.ï ik jo i.»«t «m». Watse ?. Ik,be",T. Z wo" 'k cigèntlik wol g-»«ch alderearst in Ito knipperke nimm, den ben 'k Jan » Dat ken mille bést lökke Ik woe dit foarkeamerke or Srm"^iemare.kWitW.n 't etohn, wlae. Boue Kroppert. Ja, 't is nou mar om in litst hoatsje to dwaen. Aa ik mai hwet lids, om my in bitsje üt to rêsten. (tsjin Wikje) Nou Wikje, jün scille wy ris togjerre prate, oars net ? Ik hoopje mar dat ik oer dy oan 't droomjen reitse, ik mei wol graech ris efkes droomje. Japik. Dat docht my neat net ny. Jy droomje al ear t jy op bêd benne, leau 'k. Keapman Watse. Och jonge, hald din snetterl Bring de keapman to plak. (Japik en Boue Kroppert geane tn 'e luis ) ACHTSTE TOANIEL. Keapman Watse, Wikje. Keapman Watse (Hij wol nei binnen gean.) Kom, Wikje, wy gean ek in 'e hüs, hwet scille wy hjir langer dwaen to stean? (Wikje bljuivt stean, hij keurt wet om) Wost hjir stean bljuwe ? Nou, den ik ek! Ik lit dy hjir net allenne bljuwe. Mar wol ik dy hwet sidse ? Dou mast ophalde feu stiinjen. Hwa mienste dat dér aerdichheid oan het ■ Ik liab der neat gjin niget oan dat keapman Boue dalik by dy wei ging. Wikje. Och ! fal my net mear léstich my dy blaue Kroppert. Keapman Watse. Al wer blaue Kroppert! — Boue Kroppert hjit er! Wikje. Ik woe wol dat ik dat net wiste. Jy scille oer min stiinjen net to klyen habbe, omke, as jy my min sin mar dwaen wolle. Keapman Watse. Ja, dat hab ik dealse goed in 'e rekken. Ik moastdygoare stut hjir fVy komme litte, den scoest do i wol op din snjit wése. Wikje Nou, ik kom der rjuclit for üt, Eabele is min sin en bljuwt min sin. En as hy nou in gemiene fint wier, dér 't wit net hwet op to sidsen foei, den hiene jy gelik dat jy der op tsjin wieren. Mar jy kenne mei reden neat op him fine hwet net doocht. Keapman VVatse. Ei kom, kom ! ik mei der gjin praet fea hearre Asteoars neat krye koeste, by geliks, en ik seach dat it din hege tiid wier fen tapakken, 0:11 net 111 de födkoer to reitsen, nou, deu scoe 'k sidse, dou kenst it mei dy fynt wol óf. Hwent den koed er yet net fen sein wirde, dat it in lape bisiden 't gat wier. Mar nouste sa'11 alder hearlikste gelegenheid beste, nou sjucht it ding üt heel oare eagen. Nou scoe 't Ijirs to gek wêse datste dy oan sa'11 sljucht-wei fynt forhingje scoeste. Wikje. In sljucht-wei fynt! nou ja! Is er net fen helte knapper kom-of as dy fellekwanseler ? Under Eabele sin folk is gjin ien der 't wy üs oer hoeve to skamjen" Keapman Watse. Dat ken wol wier wêse, fanke, mar it jild dér komt it by slot fen rekken op oan. Dy dat meast het is de béste man, de lju meye prate hwet se wolle. Wy as hannels-lju tinke sa: tritich procent is in goede winst, mar kenne wy fifticli procent krye, den nimme wy dat Ijeaver, oars scoene wy 0111mers net wiis wêse. En sa mast dou ek tinke. Wikje Ja, jimme miene mar dat it trouen negosie is. Mar ik wol net as in hinsder of in kou forhannele wirde. NJCGGENDE TOANIEL. De foarigen, Japik. Japik. Sie sa! de blaue Kroppert is ünder de tekkens krfipt. Keapman Watse. Smjunt fen in jonge! al wer blaue Kroppert ?! — Boue Kroppert lijit de man. en dou kenst him neame fen keapman, en oars scil ik dy . . . . {Hij wol Japik in lap oan 'e earcn jaen, mar cle jonge tïntlcomt it) Japik. (Giet in eintsje fen Keapman Watse óf stean.) Nou, mar it is in rare ünbiskofte kerel, hear! Keapman Watse. Ho dat sa? Japik. Wel man, hy het de jas en 't festje mar gau efkes utsmiten en de hoed óf, en do is er mar mei de bróek en de learsen oan op béd dein. Keapman Watse. Hy is in man dy 't net fölle sok het. Sökke lju dêr mei 'k in hopen ljeaver oer as dy 't sa '11 flven en seisen habbe. Japik. Hy het in lueht fen skjippefellen by him, dat hy stjonkt wol saun milen boppe de win. Hy foei in 't bêd del as in keal, en hy lai sa gau net of hy snorke as in ald baerch. Keapman Watse Ja, de man wier forreisge en sliep by 'n efter. Ik hab der gjin niget oan dat er graech hwet lidse woe. Japik. Mar sjuch ris! dêr komt üs nye faem, leau 'k, al oan. wlkje. Min ginst noch ta ! Japik. (Hij lüstcrt Wikje in 't car.) 't Is Eabele 111 frjoulju's klean. TSIENDE TOAN1EL. De foarigen, Eabele in himmele frouljus-klean, mei in silveren earlser op. Eabele (tsjin Japik ) Wennet keapinan Watse lijir earne net, fynt? Japik. Ja, dêr stiet de man seis. Eabele. Göen dei, keapman! Ik ben hjir stjürd fen min moaike Janke, dy 't mei de bóllekuorren rent; dy sei, jy moasten in oare faem lia. Eu nou scoe 'k ris sjen as ik net by jo komme koe to wenjen. Keapman Watse. Nou, dat scil mogelik al lökke kenne. Dou bist op 't eacli in goede feardige fotse. As de liannen dj' net forkeard oan 't liif sitte, den scit wol liwet ut 'e wei sette kenne, tinkt my- Eabele. Nou, min bannen benne goed, dêr ken jy mar op oan. Keapman Watse Hwet tinkt dij fen dy jongfaem, WikjeWikje. Dór wol ik omke ljeafst lor riede litte. Mar ik scoe sa op 't each wol sidse, ik scoe wol goed mei hjar wei kenne. Japik Nou, dat scoe k er ek for halde. Keapman Watse. Nou, jongfaem, dou likest my sa sliin net ta. Uwer beste eardor wenue ? Eabele Ik hab to Snippclgea by in bakker wonne, raar dèr woe'k net langer wêse; bwent de frou dat wier sa'n seammeltsjemoai: dy wier altiid siik en nea dea, en de baes koe my de bannen net fen de hüd balde. Ik hab der oars in pust oan om alle blaumoandeis to foroarjen. Ik hoopje dat dit min leste tsjinst mar wilde mei. Keapman Watse. Nou aste dy hwet nei my skikke woste, den kenste 't by my hearlik ha; hwent ik hald der net fen om sa faek in oaren to habben- Dy faem, dy 'k hjoed weistjürd hab, dy hie forkearde streken by de ein, dêrom woe 'k se net mear ha Hja miende dat se omfier smite moast hwet ik oerein sette. Ik, scil 't dy strak wol better bitsjutte hwet ik dèr mei mien, den witst dou hwerst dy for to wachtsjen beste. Ho hjitste, fanke ? Eabele. Ik hjit Tsjaltsje. Keapman Watse Ho mear ? Eabi^.e. Tsjaltsje Krint Keapman Watse. In aerdige fan! Nou, Tsjaltsje Krint, hofölle jild scoeste sahwet bv my fortsjinje matte, tocht dy ? Eabele Nou, keapman, ik bied er sa oer tocht, dat ik hjir earst mar ris in wike kaem op lik of üngelik. Foldocht it den oan beide kanten goed, den scille wy 't oer 't jild wol lik fine, tinkt my. Keapman Watse. Wel Tjaltsje, dat is in fttstel, dór ha 'k dy ljeaverom Dat is in teiken datst dy op din hannen bitrouste Dêr scille wy 't den mar ris op oankomme litte, tinkt my. Dêr komt üs arbeidster ek al oan, wol 'k leaue. Japik. {Hij lüstert Wikje in 't car.) Dat is Wopke; pas op, gniis nou net! ALFTE TOANIEL. De foarigen, Wopke m frouïjits-lclean. Japik (tsjin Wopke, dy 't wakker by de hüsen opsjucht.) Jy scille hjir, tink ik, wése matte, wifke! Wopke. Mogelik wol. Ik scoe hjir earne hinne to arbeidsjen by in man dy hjit keapman Watse Janke stütkoer het my opstjurd. Keapman Watse. Den benne jy al torjuchte. Ik ben de man dór 't jy by wêse matte. Jy matte bigripe, wlfke, ik woe 't hüs in bitsje üthimmele ha; it sidsen is dat disse jongfaem earstdeis oan 'e man scil. Den scil hjir ek wol ris hwet pret halde vvirde matte; dat heart er sahwet by, oars net ? Wopke. Ja, tominsten as der modder oan 'e kloet is. Mei gemiene sljuchte janhagel wirdt dat prethalden faek net fölle. Tominsten, do t min man en ik fen 't gemeintehüs wer th&s kamen, do ha wy hwet risene potstrou iten mei elk in droegeskilfiks, en do benne wy de neimiddeis yet ris nei 't lau gien to arbeidsjen. Keapman Watse. Nou, dat is dat. Jy moasten nou mar earst dit keamerke hwet opródde en dwaen, it béd hwet opmeitse, de Hier hwet oanfye, en fjjirder alles op sin order bringe, sa 't heart. Wy habbe Wikje hjar oansteande hjir al oan hüs, en dy mat in dat keamerke sliepe. Wopke. Den scil ik dat ris echt kreep for him ln order bringe, dór keu jy op oan! Keapman Watse. Japik, wiis dou it rnenske elkes hwer 't se wêse inat. (Japik en Wopke geanc in 'e lias.) Keapman Watse. Kom Wikje, nou mast dou mar mei Tsjaltsje in 'e hus gean en sids hjar kwetste fen hjar dien ha woste. Wikje. Ja, dat is bést omke. Kaepman Watse. En nou scil ik efkes nei siktaris renne, en sids him dat er hjir jün mar mei de boeken komme mat om de geboden 111 to skrjuwen Dat kostet wol hwet mear as oars, mar den benne jimme der ommers fry feu om togjerre de bfirren tröch to linnen nei 't gemeintehüs ta, mei in smite bern efter jimme oan. Ik kom gau werom (Hij giet.) TOALFTE TOANIEL. Wikje, Eabele in frouljtis-klean Wikje. (Hjar omke neisjendc.) Ja, rin mar hinne! Jy ha my lang al in 'e wei stien. (Tsjin Eabele) Mar jonge, Eabele, hwet ha jimme rare ütfiusels! Hwet ha jimme dêr mei in 't sin ? Eabele. Oars neat, min famke, as dou en ik matte togjerre meitse dat wy foart komme. Wikje Och, min ljeave jonge, dat ken ommers net! Eabele. Ja, né, ik wol net mei dy de wide wrald lnstekke, om noait werom to kommen; sa net! Ik woe dy mar elkes hjir by dln moaike Jetske bringe; dy tinkt heel oars as din omke Watse, dat witst wol. Hja scil dy wol in poas biside halde- Dër maste sa lang bij uwe as de blaue Kroppert wer utfileten fen dy ofsjucht Den scil din omke wol gau binaud oer dy wirde, en den ha 'k hope scil er sa in de litse lüge reitse, dat er in ein brüksumer wirdt as er nou is. En den matte wy sjen dat wy him sa nochlik kardsje kenue, dat er üs sin tawird jowt. Wikje. Jonge jonge, hwet in raer plan! Ho 't mei my komme scil dat wit ik net, mar dit liket my forkeard ta. Eabele. Ja, mar Wikje, der mat hwet weage wirde. Ik scoe 't net findernomd ha, mar ik koe 't sa mar net stil rinne litte, datst dou hjir jün tsjin din wille oan dy blaue Kroppert plakt wirde scoeste. Wikje Och heden! as ik dér om tink, den wit ik net hwet ik wol dwaen woe. Eabele. Nou, dêrom; stean den mar net langer 111 birie. TRETTSIENDE TOANIEL. De foarigen, Japik hi 'e doar. Japik Nou steane jimme dér to jeuseljen en to müskopjes My tocht jimme scoene meitse dat jimme üt 'e reek kamen. De alde scil hjir gau wer wêse, leau dat mar! Eabele Ja siker, Wikje, Japik het gelik ; it mat der ta komme Ik hab it mei din moaike Jetske goed forpraten. Dy is wol mei üs plan innomd en het al in goed plakje for dy klear. Wikje. Ja, mar dit is my dóch to slim, dat ik er sa stil opöfgean seil, sunder dat orake wit liwer 't ik ben. It is op 't lést ek sa gelegen, li ja kenne my wol forsiikje mar net twinge. As siktaris hjir al komt en alles biskrjuwt sa 't heart, en ik wol by 't einsluten min namme net sette, den ken 't hele geskroei lijar neat ötlielje. Eauele. Ja, mar famke, dêr untkomst dou net fen As se dy dêr mei '11 oar in bisnying habbe, den scille se it dy sa binaud wol meitse, datste 't dwaen maste. Japik. Dêr steane se nou by 'n oar op as hiks-peallen, en hwet habbe se der wol nei smachte om by 'n oar to wêsen. As ik sa 'n stikje guod hie, en ik wier der sa tichte by, den scoe 'k der oars hwet oan dwaen, leau 'k. (Hy sjuckt trüch de stcech) Wel deales! dér komt Saep oan setten, en dy rent as se stellen het; nou is der grif hwet oan 't handsje. FJIRTSIENDE TOANIEL. De foarigen, Saep. Saep. (Hja komt liird rit dc steeg setten.) Och heden, meitse gau dat jimme foart komme! De alde is alheel breinroer. Ik siet by Janke stütkoer do kaem hy dêr, en ik hie 't Janke oars al in 't ear knoopt hwet se sidse moast, mar hja forbabbele lijar dóch safölle, dat hy het 111 'e rekken krige hwet er geande is. En nou siket er om eksteur en de fjildwachter, dy wol er hjir mei liinne ha. Eabkle. O, dy diveker! den matte wy foart. Saep. Ja to, Wikje! net mear stean to birieden; moaike Jetske ^rwachtet jo wlkje Saep, clou sjuchst altomets ris by my ! Saep. Jawis! alle dagen. Mar gau disse steech tröch! — Japik, dou mast Wopke warskoue, jonge! (.Eabele, Wikje en Saep geane tröch de steeg.) Japik. (In him seis.) Ja, mar ik wol 't lang net for de alde witte, dat ik der skild mei oan ha. Den scoe 't raer op min lan wave. Ik scil Wopke efkes warskoue en den gean ik nei de souder to turf-delheljen. (Ily giet "tn 'e hits.) FIIFTSIENDE TOANIEL. Wopke [yet in sin frouljus-pak je komt in de doar ) In moaye boel is dit! nou snve se allegjerre ut, en hja litte my der allenne foar sitte! Sa wirdt goeddwaen mei stank leanne. Ik die 't om Eabele to wille to wèsen, en nou reitse 'k seis 111 't tsjuk waer. Dy skarlüu feu in jonge jowt him ek stil ut 'e wei. As ik nou foartgean ren ik min fvand flak in 'e tut. Den is 't mar better dat ik my in 'e hüs forstek en sjuch der ut to kuipen as hja der tn benne. k Hab ek in ald pistol op 'e sekreteare lidsen sjean. As 't slim komt liald ik dat de Ijildwachter under de noas, den is dy al feu sin stik, hwent hy is iu liird man op in weak tsiis, dat het al faker as ienris bliken dien. (Hg giet in 'e hits.) SECHSTS1ENDE TOANIEL. Keapman Watse, Eksteur, de Fjildwachter Keapman Watse Dat trof mar tige moai, dat ik jimme sa gau raemde alle beide ta gelik. Eksteuk. Al liienc jy t sa bisteld, keapman, den liie 't net Hottei renne kend. Wy kamen krekt fen de reis werom, dat wy üt wést hiene om in pear leaddieven op to strunen. Mar wy liabbe se net lün. Keapman Watse. Jonge noch ta, hwet jy sidse, man! Scoene dat dy selde snaken ek wêse, dy t nou 111 frouljus-klean 111 min hüs slüpt benne ? Fjilüwachteb. Den koene se jo wol ris liwet oars ófhelje as lead. Keapman Watse. Wis dat! Mar 't scil lijar oars net om stellen to dwaen wêse, wol 'k ha. Hjir is in bakkersfynt in 'e bürren, dy flammet op Wikje, en as ik it ding nou goed ietsje, den het dy twa skorremorrige knapen bikocht, 0111 Wikje by my ta de doar üt to heljen. Hwent ik paste tige op hjar, matte je witte. Hja scoe jün de geboden oanjaen mei in oaren ien, dat wolle hja mei 'n oar in 'e hobbel jeye, as se 't klear spilje kenne. Fjildwachtee. O ja, ik hab der al fen heard, dat de jongfaem oan 'e man scil. Ik leau dat 'k hjar oansteande in foarige tiden wol kennen ha. Is dat dy blaue Kroppert net ? Keapman Watse Né, sa hjit er net! 13oue Kroppert hjit er. Eksteur. Ik think dat er üs hjoed mei de sjeas foarby riden is. Hy liie sa 'n skiere jas oan en in bruue hoed op. Keapman Watse. Den scil 't sa wol wêse. Nou matte jimme der mar op ln. Ik bljuw hjir stean. Eksteuk- Né keapman. ik mat hjir stean bljuwe 0111 op to passeij dat er gjin ien üt komt, en jy matte der mei in om de hoeken en harnen in jo hüs oan to wisen, dèr sa hjar licht in forstekke scille. Keapman Watse. Jawol! en den scoene se my ünforwacht in groetenisse jaen keime dêr 'k for al min libben nöch oan hie. Ik scil jimme ljeaver hwet hoastje. Jimme ben tsjinners fen 't rjucht. jimme habbe elk in stok en in sabel, jimme matte hjir de kat de bel oanbine. Ik jaen my net in 't gefaer. Eksteur. Nou, ik ken hjir net wei. As se (ornimme dat er gjin wacht foar de doar is, den benne wy se dalik kwit (Tsjin de fjildwachter.) Den matte jy der allenne mar op in. Fjildwachter. Dat wirdt for my ek al in taye sneed, om allenne 111 in poer freamd hüs to gean, dêr 't skurf folk in sit. Eksteuk. Kom, kom, as 't slim komt ken jy de wapens brüke. (De fjildwachter giet m 'e hüs) SAüNTSIENDE TOANIEL. Keapman Watse, Eksteuk Keapman Watse. Jonge, eksteur, hwet ken dat jongguod yen al in ünrest biriede, net? Ik scil bliid wêse as ik it fanke mar goed oan 'e man hab, mar ik ben wrammels 111 noed dat kaepman Boue dit spil kwea opnimme scil, en dat er hjar nou net ha wol Eksteur. Nou, as er hjar kriget, den mei er hjar wol oan 't tsjür halde, oars scoe k tinke dat se wol ris sleat-riddich wirde koe. ACHTTSIENDE TOANIEL. De foarigen, de Fjildwachter. Fjildwachter. (Hij komt wer ta de cloar üt.) Ik ken allenne in dit greate treamde hüs neat bigjinno. Ik döch dér in doar iepen en dêr wirdt 111 ienen in pistol op my oan halden, en dér wirdt mar sein: »Tobek ! of ik sjiet dy foar de kop." — As keapman Watse net mei wol, den kom ik der net wer in. Keapman Watse Ik scil der wol hertlik op passé, dat ik der net in kom. Hja scoene my gau teppe, leau 'k; hja liabbe 't just aldermeast op my forsjoen. Ik gean Ijeaver der om 't hoekje in de steech stean ; hwent as se my hjir sjugge, kenne se my tröch 't fenster wol in blaue bean in min hersens bliese. Eksteur. Nou hawar! as de baes fen 't hüs de boel oan 't lot oerlit, — wy matte üs plicht dwaen. Röp den mar in pear arbeiders; der steane wol guods. (üe fjildwachter giet foar de steech stean to wjuwen, hwerop twa arbeiders forskine.) Keapman Watse, [w'tls 't er om in hoekje giet.) Jimme matte 't foarsichtich underlidse. Mar tink der 0111, Wikje hjar oansteande is ek in 'e hüs. Pas foaral op dat jimme him gjin leedsje oandögge. NJCÜGENTS1ENDE TOANIEL. Eksteur, de Fjildwachter mei twa arbeiders, Keapman Watse om 't hoekje, Wopke in Boue Kroppert s'tn boppcklean. Wopke (Hy komt in 'e doar en beart dat er Buue Kroppert is.) Mar hwet divelsk opskour is dit, dat jimme hjir oan- rjuchtsje ? Freamd folk en policietsjin ners om 'e doar en ln 'e hüs, en fen de hüshalding fin ik gjin ien. Eksteur. Och, keapman Kroppert, wy siikje hjir twa kerels 111 frouIju's-klean, dy 't fortocht halden wirde, dat se de jongfaem oplichtsje wolle, dêr 't jy mei boaskje scoene. As jy keapman Watse sprekke wolle, dy stiet dêr om 't hoekje 111 de steech. Wopke, (sa beare tige lillc.) Keapman Watse sprekke ?! Né, lit dy om min part forliippe! Hy het my hjir moai foar de krode liden, leau 'k. Hy het wol witten dat de faem net woe. Nou 't hja seach dat der gjin üntkommen oan wier, het se hjar weibergje litten. Mar ik ben neat om sa'11 sinnich ding forlegen, der benne mear froulju as tsjerken, en dy 't jild het ken oeral to kar gean. — Mar ik wit wol hwet ik doch, ik lit 111 ienen min sjeas inspanne, en meitse dat ik üt dit gat wei kom. Eksteuk Den ben jy wiist keard, scoe 'k tinke. Wopke. Ei, ben 'k den wiis keard ? Mat ik fen dy nou ek yet spitige reden heare? Tinkst der wol om hwaste foar hestef Eksteur, (nidich.) Tinkst dou der wol om hwaste foar heste ? As 't der op oan komt rikt min earm fjirder as dines, ik ben agent van policie Wopke So, ei! Nou, agent fen policie, sids tsjin keapman Watse, dat ik him for in aep fen in kerel hald En as er mient dat er förstAn fen gek-oanstekken het, den mat er mei oare ljue begjinne as mei my. Nou, agent fen policie, fen efleren sjugge jy my lést! (Hij giet.) Eksteur. Ooê reis Dokkum! Snits is ek in stêd. Fjildwachter. Dat is ek al in rare kostgonger, scoe 'k sidse. Eksteur. Wis is 't dat! — Nou matte jimme mar ris mei jimme tryen nei binnen. As jimme 't oars net rédde kenne, hou deiden mar in. (I)r fjildwachter giet mei de iwa arbeiders in 'e kus.) TWYNTICHSTE ÏOA N IEL. Eksteur, Keapman Watse. Keapman Watse. (Hy komt om 'e lioelc icei.) Hwa praette dér niis met jimme, eksteur ? Eksteur. Dat wier de blaue Kroppert. Hy wier üntsettende lilk. omdat sin lügeltsje him ontflein wier. Hy woe jo net ienris sprekke, liy is in ienen mei de lijitte hölle nei de herberge stritsen. Hy scoe dalik inspanne litte en meitse dat er foart kaem sei er. Keapman Watse. lk liied der al sorch for, dat er 't him raer oantsjen scoe. Nou, ik ken 't net helpe, ik ben onnosel in 't gefal. As ik my goed bitink, ken 'k ek poer wirde Dat sökko ündogense snaken yen sa to pakken ui mme. Ik hoopje dat jimme se to pakken nimme, den matte se biljeaven mar net to maklik riden wirde. 1EN-EN-T WYNTICHSTE TOANIEL. De foarigen, De Fjildwachter. Fjildwachter. (Hy komt in 'e doar) Der ha wy al ien beet, mar 'k ha sorch dat de oarc de duns ontsprongen is, hwent ik hab in 't hele hus oars gjin mus noch menske sjoen. Keapman Watse. Dat is minder as tussen gune. As wy mar ion ha rekket de oare ek wol in 'e falie, sin maet scil him wol forklappe. Fjildwachter. En hwer^ miene jimme dat wy dy skobbert fün liabbe ? Hy wier dêr in dat efterkeamsrke op béd krupt. Der lai er kus Ander de tekkens mei de broek oan en de learsen ek. Mar de froulju's-klean hied er ut. dy fünen wy by him op e tekkens Hy woe se net wer oan ha, mar ik sei, dou scit se wei oan ha; dou kenst sa lask net oer de strjitte rinne, der «soest in sucht feu skipje. De rók ha wy him gau mei n oar oer de kop smiten en nou binne de arbeiders dwaende om him t jak en de oare spillen oan to tsjeu. Ha man! der komme se al mei him oan. TW.A-EN-TWYNTJGSTE ÏOAN1EL. De foarigen, Boue Kroppert in de froulju's-klean, dy 't Wopke earder oan hic; liy wirdt tige beet halden ren de tiva arbeiders dij 't him twisken lijar liabbe. Boue Kroppert. Dit is hjir in dlvelsk mal regear, dat is mar öfdien ! Keapman Watse (tige forheard.) _" ^ie^e en S)'n ein! dat is nou min goede frjAu Boue Kroppert. Nou ha 'k er gjin forstan mear fen. Boue Kroppert. En ik yet tölle minder. Benne jimme poer gek, of ben ik it, sids! Keapman Watse. Och, min goede frjün ! ik scoe my seis wol oan taeste, omdat it hjir sa raer giet mei jo. Boue Kroppert. Wel ik wist fordomd net Invet my oerkaem. Ik lids dêr goed en wol to sliepen, en dér wird ik mar beet pakt en ien, twa, trye feu 't béd skourd; en der kry ik düsten op min hud en op min kop. allerhande soorte, mar gjin litskes; en der wild ik mar twongeu om disse klean oan to liabben, en ik wird knipt en trjuwn en knükforske, krekt as ik in gemiene skobbort ben. Keapman Watse, (tsjin de arbeiders). Och, lompe sügen fen kerels, lit dy man los! Jimme scille hjir in pear ündogense snaken fange, en dy litte jimme 't ontglüpje, yet wol mei in oar sin klean oan, en in knap en fetsoenlik man dögge jimme sa '11 skande oan. Unbiskofte domme esels benn' jimme! Eksteur. En jy benne in evelse labbekak! In pleats fen mei dy mannen jou hus tiöch to gean, krüpe jy fen binaudheid biside Boue Kroppert. Hwet is my dat ? Fjildwachter. (tsjin Keapman Watse). Hiene jy mei in 'e hus gien, den hiene wy us net fortaest. In kerel, dy 't wy lor disse man oanseagen, wier der just fen to foaren ta 't lius üt komd: nou fünen wy him op bed mei de froulju's-klean by him. Koene wy nou oars hwet tinke, as dat it ien wier len dy twa bisfynten, dy 't wy sochten? Keapman Watse. Gekkepraat! it roait nearne nei! Jimme moasten wol forstan genöcli ha om to sjen, dat dit in knap en earlik man wier. Eksteur- Dat is dóch wrachtich oan sin noas net to sjen. Fjildwachter Nou, mar wy waerden d«'»r stjurd en wy moasten lis plicht folbringe. E11 nou freegje 'k jo, keapman Boue Kroppert, as wy dat net goed dien liabbe. Boue Kroppert. Dat mocht de divel! Ik fiel it yet oan min kop en oan min ribben ho goed as jim jimme plicht folbrocht ha. Eksteur. It liket my sa ta, dat wy hjir neat mear ütticre kenne 3. hwent dy 't wy ha woene benne us ontkomd. Kom mannen, wy gean us wegen. De rekken fen de ünkosten scil keapman Watse mei gauens wol krye Fjildwachter. Keapman Boue mocht de arbeiders ek wol in forfaltsje jaen Boue Kroppert Omdat se my sa öftoud habbe? Ja kom, ik scil hjar wol in forfaltsje jaen. (Hy onflerhellet de foet om dc arbeiders to shoppen, mar hja meitsc dat se foart kommc. Eksteur en de fjildwachter geane ek hinne.) TRYE-EN-TWEINTICHSTE TOANIEL. Keapman Watse, Boue Kroppert. Boue Kroppert. Nou mat ik jo sidse, Watse, dat ik, sa ald als ik nou ben, yet noait sa'n aldergemienste bihandeling bilibbe luib as hjir l»y jo. Mar ik ken oan dit hele opskour yet gjin kop of stirt fine. Keapman Watse. Ik scil jo sidse, man, hwer 't de ein fêst is. Mar ik ben sa ut de li ken dat ik ken hast net prate. Ik wit net hwet ik wol jaen woe as disse hele rare oanrin net bard wier. Wy habbe hjir ek policietsjinners om er guods op ta to jaen. Boue Kroppert (lilk). Mei al dat getsjouster bljuw ik allike wiis. Keapman Watse. Ik scil 't jo utlidse. Ik moast in oar faem habbe, om 't ik hie mines hjoed it gat fen de doar wiisd. En ik woe ek in arbeidster ha om 't hus hwet üt to redden, fen wegens de omstannichhedeii dy us hjir foar de doar stiene, sa 't ik my foarstelde. Nou kamen hjir neimiddei den twa froulju, sa 't hjitto, dy my wol tsjinjc woene, sa 't se seinc. Ikhienearne gjin ercli in, lija liken my goed ta eu ik naem lijar oa:i E:i nou blikt it fen efteren dat dat wieren in pear manljue in froulju's-kleau, dy 111 't sin hietie om Wikje ta do doar fit to lieljen, sünder dat it mirken waerd. boue kroppert. Nou Invet scoe dat bitsjutte ? Keapman Watse. Och, hjir is kortby in nye bakkersfynt in 'e bürreu komd, dy liet Wikje de hölle op 'e ren brocht, dy fent is de wirkmaster fen 't spil, inat je witte. Hy het wol witten hwethjir jün op stok wier en dat woene se bileite. Boue Kroppert. O dy diveker, nou liab ik jo bigrepen ! Mar den past Wikje my net, hear. Ik scoe frese dat er tofölle fiecht op 'e koai kaem, as ik lijar alle dagen thüs sitten hie, en seis ut wier 0111 miu saken. As ik lijar troud liie den wier ik 111 de heinste keap, mar ta gelük ken 'k yet fen lijar óf, en dus, ik sjuch ek fen lijar óf. Ik wol lijar net ha! Keapman Watse. As ik lijar mar wer thus hie, den scoe 't wol bést w<"'se dat ik lijar dóch mar mei dy bakkersfynt troue liet, tink ik. Boue Kroppert. Dat ried ik jo hird oan, man! oars rekket se grif ln de fodkoer. Nou 't disse set der wést liet, ken jy 't fanke oan gjin ien oars kwit wirde. 't Is in bidoarn hinsder, man, dat op 'e ren wést het. — Mar ik ben hjir op sa'n wise al raer to hearring fearn. En ik mat sidse, dat jy jo 111 disse saek ris echt gemien balden habbe. Keapman Watse. Ikke, keapman Boue ?! Boue Kroppert. Ja jy 1 As jy jo net as in alder-earmhertichste koalle efterüt halden liiene. inpleats fen mei dy kerels jou hits tröch to siikjen, den liiene se my sa net öfbruid. En den hoefde ik hjir nou net as in skandael loar jo to stean. As ik min klean mar wer hie, den snyde 'k er gau ut. Keapman Watse. Och man, jy kenne wol klean fen mines oan krye. Boue Kroppert. Klean fen jous? Dat liket my der ncat nei 1 Ik wol fen jous neat lia Ik freegje ljeaver de kastlein om klean. Kom, ik scil mar stil efter ta de herberge insnjitte. (//;/ giet.) Keapman Watse. Nou giet dy man yet lilk foart. Och hwet ken men al In in hele boel onleech komme, en dat allenne tröch in oar. Wist ik 11011 in 'e goedigheid mar hwer 't Wikje stïkke ! Ik scoe hjar graech alles forjaen, as ik lijar hjir mar wer seacliWoe se mei de bakkersfynt troue, ik scoe sidse, hawar den, lit it mar oangean. — Bist dou der, Japik ? FJOUKR-EN-TWYNTICHSTH TOANIKL Keapman Watse, Japik Japik [lhj Icoiut in 'c doar.) Ja Keapman, hjir ben 'k Keapman Watse. 'k Ha dy in heel skoft mist. jonge Hwer best sitten ? Japik. Wel ik waerd sa bang, do der sa 'n freeslik spil in 'e hüs kaem, dat do ben ik op 'e souder efter de turf biside knipt. Keapman Watse Nou, mar hark ris jonge, witst dou der altomets ek Invet fen hwer 't Wikje bihinne is? Japik Né keapman, dér wit ik n >at fen. Mar dér komme Kabele en Wopke oan, licht dat dy it better witte. FIIF-EN-TWYNTICHSTE ÏOANIEL. De foarigen, Eabele en Wopke wer In hjnr eigen klean. Eabele. Keapman Watse, ik tsjuch de driste skuon oan om jo forjeffenisse to freegjen for de bjustere moeite dy k jo lijoed oandien liab. Keapman Watse E', dóch ? Nou, ik ben oars tige lilk op dy. Mar hwer is Wikje? Eabele. Dy is In in feilige haven, hjir by jou eigen sister. As jy Japik mar efkes hinne stjüre scil hja dalik wol thüs komme, tink ik. Keapman Watse Japik, ren den gau hinne! Japik. Best, keapman, ik scil fleane. (lhj giet) Keapman Watse. Keapman Boue Kroppert wier al sa lilk, omdat er hjir sa bjustere raer forwolkomme waerd. Hy het sin boppeklean der yet by opset- Wopke. Dy scil er wol wer fün ha. Ik hab se rüngear in sin sjeas trjuwn, dy 't foar de herberge stie. Keapman Watse. Nou jimme benne in paar ündogense bisfynten, dat is allike fölle. Eabele. Dat is oars sa slim net, keapman; mar de ljeafde siket list» matte jy tinke. Wopke D