de iene dei yn 'e oare, mar dochs wier er hiel oars. Hwent salang as er nearne oars west hie as op de Marsheide en op 'e Mar, hied er neat hwer er oan tocht, as oan hwet dêr libbe yn 't wyld om him hinne; it kaem hast net yn him op om to tinken hwer hy fen libje moast, itgyngthüs hast fensels. Mem krimmenearre in bult en heit suchte, mar as Broar sin oan iten hie, wier der altyd wol hwet; fierder tocht er net folie. Hy libbe mei syn fjild, poellen en Mar en om hwet oars tocht er net. Nou wier det oars. As er thüs oan 't wirk wier den hied er alle tinzen dêrby en tocht: „as ik det nou sa doch en det sa, en as ik den takomme maitiid sa doch, den komt der mear fen." Den praette hy dêr yn 'e hüs fen, oer in greater plak bou en noch mear skiep. Sytse en Auk praetten en ornearren mei; op 'e Marsheide waerd arbeide en ütrekkene sa goed as dy ljue kinne en yn 'e hüs waerd it himmelder. Mar as Broar thüs neat to dwaen foun en mei it boat der op üt gyng, den tocht er oan de foarsimmer, oan it skoft det er foart west hie as oan in einleas lange tiid, hweryn hy dreamd hie earst, dreamd fen frjemde moaije dingen, frjemd as dingen dy't men heart hiel yn 'e fierte en hwerfen men oars net wit, as det se fier öf binne en net oan to kommen. Lang like him dy tiid, om't er safolle oars sjoen hie as fen to foaren en ek om't letter, ynienen, detselde kaem, det him oandie as hied er nea sa üngelokkich weSt, om't it him op in stuit sjen liet, det er wier in dreamer en det er, om't er it libben net koe, fen it earste bigjin dêrfen him in mearke makke hie. As Broar op in pölle lei, yn 't lange gêrs ünder de wylgeboskjes en hy stoarre omheech yn it blau hwer't wite gazen wolkjes fearen nei de onbistimde fierte, den koed er him wer yntinke it leed, det er field hie by it wekker wirden üt syn dream; mar as er den letter wer yn it boat wier en, hwer er eartiids nea oan tocht, bliid wier om alles hwet er om him hinne seach en him de wirden fen Master op skoalle yn 't sin skeaten, dy't learde, det God de Natür makke hie, en det elts minske tankber wêze moast dy't mei soune lea buten it moaije seach, — den wier Broar hast tankber, sönder det er sizze koe, hwet him dy fieling joech. De wiken op de klaei mei det famke en do letter it füle leed, om't al syn moaije dreamen weifage wiemen, dêr tocht er oan, sa as in jong minske tinkt oan in moai forteltsje fen féën en ingels, det Mem him fortelde do't er noch hiel lyts wier, do't er leaude oan toaverpeleizen mei byldmoaije féën dy't alles koenen. Hy wist nou det dy der net mear wierne, mar dêrom binne de mearkes sims moai en fyn. Syn mearke wier ek moai, mar hy glimke der sims om ef loek in stoeve troanje as er der oan tocht, det er it leaud hie. En bliid wier er, det nimmen it wiste. De hjerst kaem. It brün en grien fen de poellen wier griis wirden, it beamte keal; stadichoan hie de natür syn folie griene weelde forlern. De stille kleare hjerstdagen hwennear de loft sa heech en djip böget boppe de ierde en alles stil leit to drögjen yn it reade hjerstljocht, hwennear de beamwüllen in forskaet fen teare rike kleuren ha, det yen tinken docht oan in moaije dea, — ek dy dagen wierne foarby en do't de earste noardwester oer de lannen gülde, stouden de blêdden fen de beammen as kjelle fügels. As it safier is, as de earste stoarmnacht foarby is, den giet it hird mei it moaije buten; al stoarmet it net, al komme der stille tsjustere dagen fen mist en wietens, de hjerst easket alles op, — stadich drippe en dwirrelje den de brune en giele blêdden del yn 'e modder. De hjerst kin ek moai wêze, net allinne op dy lette simmerdagen yn Septimber, mar ek, hwennear in stive wyn oer de lannen strust en de Mar mei wite koppen rollet, hwennear de loft fol is fen swiere lüden, lüden dy't wytgje fen rouwe natürkrêft. Hwa't den yn it boat sit oan 't roer en de wyn waeije lit troch syn hierren, dy scil hwennear er moed hat, him sterker fiele. Gjin glSnzgjende fierten, hwer fugelsang en blomme-rook boppe de bünte fjilden hingje, jowe den in ünthjit op it kommende libben, mar de rouwe wyn dy't oanstrüst en yen de amme hast binimt, dy ropt de krêften op dy't noch dodzje en fen gjin fügelsangen to wekker roppen wirde. Hwa't it libben liket as eat det for him neat mear to bringen hat, dy moat gean nei de Mar, as de wyn troch de touwen floitet en de blokken tsjin de mêst klappe; dy moaf nei de Mar gean, as de weagen al mar troch rölje en krölje tsjin de kant oan hwer't it brüs leit to triljen; lit him den hearre nei de greate akkoarden dêr't de loft fen trillet, det is krêft, stoere stive krêft en hwa't dy krêft as wjerklank fielt yn syn hert, dy scil it libben, hwerfen er miende det it neat bringt as leed en lijen, op nij oannimme sa as it him jown wirdt om to libjen, en hy scil syn bêstdwaen om der hwet goeds fen to meitsjen. — Oer de Marsheide gülde de hjerstwyn en gierde om de nearzige hüskes, — mei skoerren fleach er om de hoeken, — den skeat er wer yn de beammen en tramtearre dy, det se kreakjend en kleijend soeiden en bügden. De reidpoellen stiene nou alhiel yn it wetter, hwent de strook unlSn stie der ek ünder; in einleas fjild fen wetter wier de Mar en dêroer fleach de hjerstwyn en jage it wetter foar him üt; as in machtige sang wier it rüzjen fen de weagen. De hjerstwyn komt oeral yn, ek troch de skreven en naden fen doarren en kesinen yn de hüskes op de Marsheide, en de minsken kleije faek det it hüs sa brekfallich en &ld is. Mar Broar boun de striid oan mei de hjerstwyn: hy timmere en spikere en stoppe de gatten yn it tek. Büten it wirk det er thüs socht, hied er buten ek wol hwet to dwaen; hjir en dêr hied er füken ütstean en sims gyng er mei de skeakels nei de opwiken, hwent mei it rouwe hjerstwaer binne dêr faek wol himmele soadtsjes fisk to krijen. Op in dei det it fül stoarme üt it westen, gyng Broar der wer op üt; — efter de Swarte Poel woe er in pear setten mei de skeakels dwaen : him tocht, der scoe mei dit waer wol hwet to fangen wêze. It foei net mei, hwent it wetter stie der efter de reiden noch sa hol, det er sahwet neat bigjinne koe. „Den scil ik de Sanwyk mar öffiskje", sei Broar by him seis, „oars kom ik mei neat thüs". De Sanwyk wier ien fen dy opwykjes, dy't üt de Mar wei in ein it lan yn rinne, oan de hege lÊnnen ta. By hast eltse pleats rint sa'n wyk by it hiem lans en haldt den op; de boeren kinne mei de pream oan 't hiem komme en det is in bulte wirdich. De Sanwyk roun him dea by it spil fen Ate Roels en Broar hie fen Ate frij om de wyk öf to skeakeljen, dêr'tde boer neat for hawwe woe. „Aste goed fangste", hied er de leste kear tsjin Broar sein, „den kinst wol in soadtsje brieders bringe". Broar fiske de wyk öf yn tvva setten en beide kearen hied er safolle yn 't net, det er it beun hast fol krige. „Kom , tocht er, „ik scil mar in fiks soad nei de pleats bringe, it kin nou lije". . . Broar naem syn skepnet en die der in tweintich fen de moaijste foarnen yn, — do loek er it boat in ein op e wal üt en trape op 'e pleats oan. 't Wier middei en sa as der hjerstmis gjin droktme is as allinne it fé to birêdden, sa skrepten in pear arbeiders op de telle om mei hwet sied, det nei de mounle moast. Broar seach yn 'e skürre op, mar gyng do by de reedsmürre lans nei de syddoar by it bjinstap. Hy gyng yn it foarhüs en röp folk. * Ate Roels kaem seis fen foaren en do t dy Broer stean seach mei de fisk, sei er: „Jonge bistou der, Broar? ik hie al sjoen detste de wyk öffi'skeste; kaem der hwet üt? Liz de fisk der mar del en praet in pypfol, wy scoenen krekt hwet té ha". Broar praette earst al fen gau-wer-foart-moatten en sa, mar de boer sei: „kom, kom, as der nou net iens tiid oersiit om hwet rêstich to praten, den kin it noait, kom mar gau mei nei foaren". Broar lei der ek net mear tsjin yn en folge de boer nei de greate alderwetske keamer, dyt mei twa ramten fen lytse rütsjes ütseach oer de greide. Ate Roels naem in stoel for it bêdsket wei en sette dy ticht by de kachel; „gean der mar sitten, 't is better by de kachel as buten". „Dei", sei Broar tsjin de boer syn dochter, dy t allinne yn 'e greate keamer siet. Dei" andere hja en seach efkes op fen hjar naeijen; do" lei se det op 'e tafel en sette noch in reauke op. Ho giet it mei jim heit?" frege de boer. „Och", sei Broar, „det is noch net folie, hy is al wer op foetten, mar hy moat him sa to wacht nimme . „Ja, hy hat nea net sa sterk west, en men kin it him ek wol oansjen, det er net alles ütstean kin . „Né", sei Broar, „det hat altyd sa west". „Mar om fen 't iene yn 't oare to praten", bigoun de boer, „ik ha sjoen detste in stikje heide oanmakkeste; wolste mear by de ein ha?" Do seach er Broar oan en wachte hwet dy sizze scoe, — hwa't oanmeitsje woe, moast ommers arbeidzje en det stiet de Marsheidtsjers tsjin as in wan bruijen, — Ate Roels dy't altyd ta arbeide hie om syn pleats better to meitsjen, hie lésten heard det Broar fen Sytse en Auk yn 'e ungetiid west hie en det dy neitiid wakker thüs ompielde op de pölle en det die him nij — it wier ommers in echte jonge fen de Marsheide, strope en omswalkje, det hage hjarren, mar arbeidzjen net. Broar seach de boer efkes oan en fielde hwet dy etter syn wirden socht, — hy wachte in setsje en sei do rêstich: „as 't kin, ja, den wol ik fen 'e winter en takomme Maitiid in pear pounsmiet oanmeitsje en op in oar jier hoopje ik mear". De boer scoe hast in bytsje meilydsum glimkje, mar de jonge man dér foar him, dy't him fêst en klear oanseach, twong him in soarte fen achtinge öf for dyselde, dy't op in earlike manear syn bisitting greater meitsje woe, eat hwet oan dizz' tiid ta noch nea in Marsheidtsjer bisocht hie, tominsten net op sa'n wizansje. Dêrom sei er tsjin Broar: „det liket my skoan ta, mei in mannich jierren kinst bést in moaije hoeke yn oarder ha". De boer en Broar rekken yn in djip petear oer boerkjen en sa, en Ate Roels siet sünder det er it bimirk, hast as in learder jinoer Broar, dy't as in earnstich learling hearde nei hwet de boer ütlei. 't Waerd al hast skimerjoun do't lm sei: „tinkt heit wol om de klok, 't is hast melktiid." „Hwet?" frege de boer: „is 't al sa let?" Syn dochter sei: „jim prate ek sa en der wirdt nearne oan tocht." Broar wier, krekt as immen dy't kjel wirdt, opskrille üt syn oandachtige halding, — „ik moat ek nedich nei hüs," sei er, en hy gyng oerein en sette de stoel in ein fierder de keamer oer. Hy hie der hast net ienris oan tocht, det de boer syn dochter, syn hüshaldster — hwent de boerinne wier dea —, Broar to sizzen, do't dy der oer praette det er ien ef twa hoklingen ien Snits helje scoe, — „my tinkt, dou moast oars foart in spantsje helje; as 't him oan't jild leit, kinst wol fyftich, sechstich goune fen my krije". Earst wist Broar hast net eft er it oannimme doarst, mar de boer bea it sa gol oan en sei: „den kinst ek foart yn hwet better soarte komme". Do hie Broar it oannommen mei inkelde wirden fen tank, en de boer hie sjoen det de jonge it miende. .. De boer formakke him der yn, do't er mei de trije efter de keallen stie: f'ral de beide alden wierne sa op 't snjit, as hy net folie seach. „Dy Broar is dochs in flinke fint", sei er de jouns ts]in lm" do't hja togearre yn de keamer sieten, „hwa scoe det oait leauwe kind ha, det der noch safolle kriich yn de Marsheidtsjers sitte koe". „Broar is hiel oars as de oaren", sei lm. De boer siet to krantlêzen en lm to naeijen ; de faem wier efkes nei hüs ta, hjar mem wenne yn de bürren. In feint hienen hja net, oars net as in pear fêste arbeiders; — mei de kealderije by't Maitiid wier det wol lêstich, hwent den moast de boer seis wol gauris in nacht yn 't büthüs wêze, mar ien fen de arbeiders wenne flak by de pleats: it wier in eardere feint, folie mans by de kij. Dy soarge for t spil as wier it eigen, en dêr hoegde den net in feint forto kommen, ornearre de boer. De measte jounen wierne de boer en lm mei de taem allinne en dy woe ek hiel graech in pear jounen yn de wike nei hüs. Den bleauwen heit en dochter togearre yn 't greate hüs. Earder hie lm der noait folie mei to dwaen hawn, mar nou moast se hjar seis tajaen, det se it sims ienlik foun en net sellich, f'ral yn de lange hjerst- en winterjounen. Do t se noch om de tweintich hinne wier, kaem der noch al gauris hwa, mar nou't se de fiif-en-tweintich al efter de rêch hie, wierne de measten fen hjar kammeraetskes troud en fen de feinten krige lm ek hast noait in oansiik mear. Goede pertijen hie se wol dwaen kind; der hienen sims Sneintojouns boeresoannen oer de flier west, dy't hjar wol boerinne meitsje woenen op in eigen pleats. As t safier kaem, det de frijers dêroer bigounen to praten, den hie lm it ütmakke. It houlik like hjar sa moai ta en lokjend, det se faek langst hie om troud to wezen sa as hja hjar det foafstelde, — mar ek like it hjar ta sa earnstich en heech, det hja it yet net weagje doarst. En al waerd lm alder en stelde hja it hjar as in doel om heit to forsoargjen, hja koe net tsjinkeare det se sims forlange nei hwet, det, sa't se miende, yn hjar al stoarn wier. Mar it wier net dea, dêrfor wier lm fiersto soun nei lichem en geast, — yn sokken stjert de keine langst nei detselde hwet it libben hjar as heechste bringe kin, hast net. Dêr kinne dingen wêze dy't hjar mienen dogge, det for hjarren dy langst nea bifredige wirde scil en det se net tajaen meije, seis al kinne se it birikke. Mar elts jongminske hat it rjucht om to nimmen fen it libben syn lok en al wier nou by lm it getal net, det hja it nei in swiere striid oerjown hie, om de ienfaldige reden det for lm it greate lok noch nea sa ticht by west hie, det hja allinne troch „ja"tosizzen it krije koe, — hja fielde nou düdlik sims, det se deraltyd noch op wachte en — det se forlange ek. Yn stille skoftkes droge lm sa en den seagen hja moaije eagen mei in dreamerige glSns yn de fierte. Sa troch-en-dei yn 't wirk wier hja altyd fleurich en koartswilich, mar as wier it in lyts diel fen hjar great forlangen, sa as det yn stille skoften om hjar hong, seach se der sims nei üt, det der jouns immen kaem. It wier oars sa stil en den koe se hjar tinzen net ófhalde fen it witten, det in great diel fen hjar jonkheid foarby flein wie, sunder folie Ijeafde, wis, Ijeafde wier it dêr't hja nei forlange, de sterke folie Ijeafde fen in man As der hwa kaem, koe se kalmer tinke en genietsje fen de hüslikens dy't wier yn de greate keamer; it praten oer wenstige dingen, det de manljue den dienen, fordivedearre hjar tinzen hwet. En sunder it seis to ealgjen hie se it ljeafst det Broar kaem om in jounpraetsje. lenkear op in joun det heit en lm togearre sieten by de lampe, en der oars gjin lüd troch de greate keamer gyng as it razen fen it téwetter yn de kachel en it tikjen —, swier en wis, - fen de ald-klok, do gyngen der foetstappen by de hüsside lans; de boer seach op efter de krante wei en harke. „Komt der hwa oan?" sei er. „Ja", sei lm, „hark mar, hy is al by de syddoar". ,,Den is 't Broar, tink ik, dy hie'k jisterjoun al forwachte", sei" de boer en hy gyng oerein nei de doar ta. Hy die de doar iepen: „is der hwa?" „Ja", andere in heas manljueslüd en üt it tsjustere gongkje kaem Tsjeard Jans, in kouwekeapman. „Ik scoe hjir efkes sjen', sei er, „goe-joun boer, joun Imkje . ^Goe-joun", anderen beiden. De manljue wiemen al gau yn drok petaer, mar lm wier kiel wirden, om't se ynienen fielde, ho't hja toloarsteld wier det Broar net ta de doar ynkaem, ynpleats fen de keapman. For it earst sloech it yn hjar op, det se Broar forwachte hie, det se nei him forlange. Hja bügde de holle djip oer 't wirk, hwent hja fielde det it bloed hjar nei de wangen fleach. Hja skamme hjar en dochs wie hja bliid, stil-bliid yn hjar seis en in glimke kaem om hjar lippen. Yn't earstoan haldde hja de wündere ljochte tinzen festj nea hie hja sa'n ynwaerm fielen hawn. „Mar hwet is it den?" frege se do, „hwêrom bin ik nou sa?" en hja droge oer safolle det se net neame koe. Lang neidet se op bêd laei, bleauwen de tinzen hjar by, frjemd hinnewer as in simmertwirre, den sêft as in streakjende jounwyn. Hja bigriep hjar seis net en dagen neitiid wier hja stil omdet yn hjar libben eat kaem, det se nea noch sa field hie, eat, det hjar hiele moedslibben ütmakke. En detselde, hwet hja seis al bisköge hie as net mear for hjar det kaem nou yn hjar tinzen, moaijer en bigearliker as ea fen to foaren, do't it mear west hie in dream yn ljochtmoanne-jounen op it iis ef yn de Maeije-nachten, as de roazen rükten en de onbistimde fiere nachtlüden trillen oer de stille fjilden. , , .. Nou kaem it 'noch moaijer as do, mar ek earnstiger, hwent hja wier alder wirden: hja hie sjoen, ho't fen hjar kammeraetskes, dy't yn de rükende Maitiid mei hjar man toeearre it libben bigoun wierne, wylst buten alles groeide en bloeide en song en bliid wier, ho't dêrfen nou mear as ien mei de eagen forklapte det net alles tear en haechlik bleau. , . ..... Im wist det it libben net altyd troch ien Maitiid wier, hja wist det ek de gierjende hjerststoarmen kamen, dy't yen de kjeld sims troch alles hinne jeije. Hja wist it skoan en om't for elts minske de stoarmen fen 't libben it leed op in oare manear oanbringe, eange hja noch wol, mar lm hjar sterke keine geast scoe nou wol opdoare tsjin it libben, as det libben hjar bean waerd fen immen, dy't hja alles hwet yn hjar omgyng fortelle koe, mei it hearlike witten, det dy hjar forstie en fielde hwet hja bisköge as moai en goed. — De lange winter gyng for lm foarby as in lange rige dagen, hweryn hja in lange earnstige striid fierde yn hjar djipste moedslibben; stil en allinne stried hja, hwent nimmen wist hja, dy't hjar riede koe en det hie se dochs ek net wollen, — allinne mei hjarsels woe se it ütmeitsje. Do't de earste Maitiids-dagen kamen wier lm wer fleurich sa as altyd, hwennear büten it earste ünthjitten yn 'e loft hinget det in ljochter blierder tiid op komst is, — mar yn hjar eagen laei in djipper glÊns. Ate Roels fornaem der net folie fen, sa as hy de hiele winter nea opmirken hie, det syn dochter in stille striid fierde ; hy libbe as bijierre widner en geseten boer syn rêstich libben op de eigene pleats, de boerkerij gyng bést en syn dochter hie it biwald foar yn de hüs: hy hoegde neat oars to winskjen. En Broar? och dy hie it sa drok, nou't mei de Maitiid it lanwirk kaem en noch safolle mear; hy wrotte fen de moarn ta de joun, mar yn de winter hied er field det sims hwet by him weromkaem, det in heap like op it mearke fen Anke en hjar spyljen, en al wist er wol det it libben gjin plak hat for mearkes, dochs hied er detselde, det hwet like op itjinge hy ienkear trochlibbe hie yn in dream, festhalden en opsierd sims, mar nou wier it gever en fêster om't er it nea büten it deistich libben om tocht. Do't de drokke tiid oankaem en de lange jounen, hwerop Broar üt-en-troch op 'e Sanwykspleats siet by de boer en syn dochter, foarby wiemen, do earst waerd it him düdlik, det dy jounen moaije skoftkes for him west hienen. Hwent al hienen de boer en hy in bulte praet oer de boerkerij, ek hie lm sims mei riddenearre en den wier it Broar as hied er nea sa'n sêfte kleare stimme heard. As hja Broar oanseach, den wier it krekt as ljochten dy eagen yn him en liezen hwet yn syn siele en wisten in hiel bult fen him, det hy net uterje koe. Illlllll Illllllllllllllllllllllllll Illlllllllll Illlllllllllllllllllllll Illlllllllllllllllllllllllllllllllllllllll Illlllllllllllllllll Utjeften fen de Jongfryske Mienskip. Yn 't Ijocht kommen binne as bütengewoane utjeften: De Skild fen it Selskip fen D. Kalma. Priis in kwartsje. Fryslan for de Friezen! De bigjinselbrieven fen de Mienskip. Priis in dübeltsje. Utkommen yn de pompeblêdde-rige: No. i. Friezendom en Christendom fen Dr. G. A. Wumkes. Priis 3 sturen. No. 2. Ljocht en Skaed fen D. Kalma. Priis 9 sturen. No. 3. In „Algemiene Fryske Rie" fen P. Sipma. Priis 3 sturen. No. 4. De Jonge fen de Marsheide in forhael fen Makten Baersma. Op komst yn deselde rige: No. 5. Fen üs swide skiednis fen E. B. Folkertsma. No. 6. Fryslan en de Drank fen J. van der Tol. Mienskipsstipers (f 5 — jiers) krije al dizze utjeften forgees tastjürd. Ek kin men ynteikenje by de ütjower tsjin 15 sinten de böge fen 16 bledkanten. Samler: D. KALMA, Emmastrjitte 23, Ljouwert. lllllllllllllllllllllllllllllltllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllllinillllllHllllllllllllllllIHlIHIM1" 1002 V Ufieften fen De Jongfryske Mienskip ünder samlerskip fen D. Kalma No. 4. De Jonge fen de ~ Marsheide ~ in forhael fen Marten Baersma De Jonge fen de Marsheide in forhael fen MARTEN BAERSMA. Dêr hwer röljende dynjende weagen fen de Mar weiwirde twisken de reiden en op in inkeld plak in ein fierder rölje de poellen yn, dêr leit fen it iepen wetter öf oan it lan ta, in wyldernis fen reid en popels. Skipfeart rint der net by lans, it is in efteröfhoeke fen de greate Mar en buten in inkelde sylboat by 't simmer komt der oars net, as in skou fen fiskers ef stropers. For ünbikenden is 't gefaerlik farren dêr, hwent stringkjes en stobben krekt ünder wetter, hawwe al faker as ienkear oan guds dy't der net thüs wiemen, üngelokken en mankeminten bisoarge. Sa leit dy wyldernis dêr: great en weagjend binne de reidpoellen by 't simmer, in inkeld wylgeboskje stiet der boppe üt, as woe it him opjaen üt de greate heimige wrald. Hwent it is dêr heimige djip yn dy wyldernis, hwer't nea in minske komt en allinne de Natür hearsket yn folie myldens en weelde fen groeijen en bloeijen en stjerren. Yn 't wyldste fen dy poellen lizze iepen plakken hwer't gjin reid groeit, mar it wetter, det dêr altyd flak is en stil, bilein is mei plompeblêdden sa great as itensboarden. Bleekwite blommen mei goudene herten, moai en great as nearne oars, forbloeije dêr yn in dreamwrald hjar blommebistean; om dy iepen plakken soeije en kantelje glanzgjende snilen, hwertwisken op lange stallen de eibertsblommen hjar giele blêdden, bunt fen michjes, nei de sinne halde. Op oare steden steane bjintepöltsjes, dy't hinne-en-wer wege as in minske syn foet der op set; dernêst is it ongrounlike djip ; nimmen forklearret ho't sa'n djipte nea oansliket. Op pöltsjes en fêste stringen nesselje reiddomp en hoarnmosken; de wyldste fügels halde dêr ta, om't hja dêr nimmer in minske sjugge, dy't hjar binei komme kin. Gjin hoeke fen de greate Mar, hwer't safolle fügels ütbret wirde as dêr, om't allinne rovers mei wjukken ef op fjouwer foetten der rounstrune ; de greatste rover, de minske, weaget him net yn de heimenissen fen dy poellen dêr. En dochs binne der inkelden, dy't it weagje mei in skou der yn op to gean en den to springen fen it iene stringkje op it oare, om sa nei to sneupen ef dêr net hwet is for hjar; mar hja binne forsichtich om't se witte fen de gefaren yn dy wyldernis. Sa'n ien, in stroper, dy't op inkelde plakken, alhiel bisküle efter it hege reid, rounswalket, dy hat faeks fen syn heit inkelde fortroude paedtsjes en pöltsjes leard en fynt der noch mear by; sa stadichoan wirdt hy better thüs, mar gefaerlik blhiwt it, det wit er. De inkelden dy't der komme, det binne altyd güds fen de Marsheide, hja strope it hiele jier troch, mar de fjildwachter kriget der noait ien fen: hja binne him fiersto tuk. Hwer't de Marsheide leit ? Dêr't de poellen mei roune en puntige bochten en gloppen oergeane yn in smelle streek ünlan, dêr gloait oan de oare kant, bulterich en sSnnich, de heide op üt it griene fen de sompen; diken mei beammen bigroeid en earmtlike beamboskjes binne as griene plakken plante yn it brün fen de heide. Hjir en dêr stiet yn 'e beammen in ald arbeidershüske mei bochterige naed en skeane mürren; dêrby is altyd in gerspöltsje en in hoekje bou. Noch fierder op skimeret twisken rigen stambeammen en beamwSllen it grien fen greiden, dêr't de kij yn rinne to weidzjen en greate skürsiden binne dêr to sjên, — dêr is de boerestreek fen in Walddoarp. Dy heide mei de sütrige hüskes, is de Marsheide en de ljue dy't der wenje wirde fen de bursters en de boeren de Marsheidtsjers neamd. It is in nuver folk; gjin boer kin der in arbeider wei krije, al is 't ek yn it drokst fen de haeijinge; howol der genöch feardige jongkeardels wenje, is der nimmen dy't in set oanien yn 't spier stean wol; hja hawwe it ek noait leard, hwent as jonge wirde se troch heit al meinommen yn it boat om to fiskjen ef to aei-siikjen, ef leare it sjitten mei in ald foarlader. Oaren nimme de jonges mei by de streek om keapman to wirden; sokke binne bigoun meast mei knine- en lammefellen en hannelje den op 't lést yn skiep en bargen. By 't maitiid, as mei de kealderij by de boerren de drokte wer bigjint, den wirdt der goed fortsjinne faek oan de nochteren keallen ; ek op de boelgüdden yn 'e omkriten binne altyd Marsheidtsjers, hwent alles is fen hjar gading. Net ien fen hjarren komt snjeontojouns fen de boer ef de baes mei it wyklean yn de büse thtis, en dochs libje se der goed fen en bidrage de nearingdwaenden net mei lang boargjen ef sa. Howol de Marsheidtsjer frouljue sims stien en bien kleije foar de toanbank yn de bürren oer it bytsje fortsjinst fen de manljue, dochs is der nimmen dy't hwet oan hjar to goede haldt: altyd ha se sinten op fingerseinen. Op in moaije moarn yn Maeije laei by ien fen dy hüskes in great opslupen jonge yn 't gêrs; hy laei plat op it liif mei de earmtakken op 'e groun en de smoarge hannen oan de kaken ; de foetten hied er omheech en dêr weechde er mei hinne en wer. De jonge wier sütrich yn 'e klean, de forblikte kestüsjekoarden broek wier him fiersto wiid en hong him flodderich om 'e skonken, de grize sokken fol stoppen en gatten sieten yn wrongen om de foetten, de klompen leinen nést him yn it gêrs; fen it fêstje siet gjin knoop fêst, it hong los oer de blauwe trui, hwer't ek gatten yn sieten. Syn troanje, oars net üntsjep, mar fen syn noartske eagen en müle alhiel sünder dy fleurich-soune trekken en kleur dy't jonges fen sauntjin, achttjin oars ha kinne, gyng alhiel bisküle ünder de ranne fen syn öfdroegen filthoed, dy't er alhiel op 'e eagen hie, — it wylde donkere hier kaem ünder de hoed wei en siet him sleau om 'e holle. Men koe it him oansjen, det er in bult buten wier en det er him der alhiel net oan steurde eft er der kreas en himmel ütseach, sa as de jonges üt de bürren. Dizze jonge wier Broar fen Sytse en Auk. De rook fen hageblossoms hong yn'e loft en oeral blonken mids it moaiste grien de blommekleuren yn 't waerme ljocht fen de Maitiidsinne ; it wier sa'n dei as allinne de Maeijemoanne jaen kin, sa fol fen ljocht en goud en blau, sa fol ünthjitting op de simmer, — hwennear alles, hwet nou groeit en bloeit en altyd moaijer wirdt, folwoechsen stean scil yn yet greater weelde. It wier sa'n moarn, hwennear men mei mylde hope troch it fjild giet en stil-bliid hwet moais forwachtet, eat det hiel moai is, yn wezen krekt as de jonge bloeijende wrald om yen hinne mei it blau fen de loft dêrboppe, en it goudene ljocht troch de beammen. Broar like fen al det moais net folie to sjên, hy laei dêr mar yn 't gêrs en seach stoef for him üt, hwêr in skiep det oan 'e line siet, op 'e knibbels laei en fen de jonge hageblêdden friet. Dêr ynienen klonk in hSntsjeklappen üt de doar fen 't foarhüs, „tsoe hinnen, tsoe" röp Auk en jage in mannich kipen nei büten, dy't hird rinnend mei de wjukken wiid-üt as scoenen hja fleane, in hinnekommen sochtea op it hiem. Broar draeide de holle oerside en seach syn mem yn de doar stean ; „soa, leist dêr wer", röp hja, „forstek det skiep mar ris, den hast hwet to dwaen." „Kin dalik wol," sei Broar en hy gyng wer maklik lizzen. Efkes bleau Auk stean, mar do gyng hja op it skiep ta, — „hwet is 't hwet, sa'n greate jonge, dy leit der mar op 'e hüd mei sok waer en den ek noch altyd dwersbongelje." Mar do't Auk cmtrint oan him ta wier, seach Broar hjar oan en sprong hird oerein, liniger as det men fen him forwachtsje scoe en seihastich: „bliuw der mar! ik scil wol." Auk praette noch hwet binnenmülsk, wylst Broar it spit ütloek en 't skiep meihoartte ; in ein fierder stiek er it wer yn de groun en sette de klomp derop. Hy die de hénnen yn 'e büse, helle sa de broek hwet op en seach do om him hinne nei de Mar üt, hwêr efter de poellen de sinne op it wetter glanzge. Yn ienen draeide er him om en sei tsjin syn mem : „ik gean mei de skou foart, hear! jow my mar in stik brea mei." „'k Ha it iten noch lang net ré", andere Auk, „ast net thüs biste, waermje ik wol hwet for dy op." „Ek goed," sei Broar en hy gyng foart. Auk seach him nei en al ho'n noed hja hie, as Broar sims hiele dagen fen hüs wier op 'e Mar, hja doarst him hast net iens mear sizze om goed op to passen, hwent den wier it altyd: „och hwet scoe it, mem is altyd like binaud," en den koed er hjar ütlaitsje oer hjar bangens, sa't hy it den neamde. Auk gyng wer yn 't foarhüs en sette hwet rommel oan 'e kant; suchtsjend skammelle hja dêr roun, hwent it gean foei hjar swier. Dêr röp in heas manljue's lüd: „Auk bist der ? Hja die de keamersdoar iepen en sei: „ja, hwet is der oan ?" Yn 't bedsteed laei hjar man, dy't de winter troch sukkele en noch hast net fen 't bed kaem; hy laei alhiel opstoelle yn 'e kjessens; de ünderklean wiemen boppe iepen en lieten it goare boarst sjên en de meagere hals. Syn antlit wier swart fen meagerens en de greate eagen stienen hol en fol lijen. Hy hie de holle oerside en seach nei Auk, dy't op him ta kaem ; „hwet is der oan ?", sei hja. „Hwet docht Broar ?" frege er. „Broar? det kinst wol bigripe, dy docht neat; de hiele godgcinske moarn hat er yn 'e bleek lein, en nou is er nei de Mar gien." „As er thüs komt," sei Sytse, „moast him ris by my stjüre, ik scil him der noch ris goed op oan stean, det er yn de üngetiid giet, der wirdt neat fortsjinne sa." „Och heare ja, det moast er wolle, hwent al kin er yn 'e oare moanne wer fiskje, hwet jowt üs det; mar ik ha it him al sa faek forhalden, det it sa net langer kin," sei Auk, „mar den seit er altyd, det er him net öfbeule wol op 'e klaei." Sytse hie him wer deljown en die de eagen ticht; — Auk wier op 'e stoel for it bêd sitten gien, mar nou gyng hja oerein en bigoun by de tafel hwet to dwaen. Buten wier it feest fen de Maitiid, dêr songen de fugels en boarte it jongfé, mar yn de wente fen Sytse en Auk wier earmoed en lijen. En dochs wier der in flink jongkeardel yn hüs, dy't as er woe wol jild fortsjinje koe, mar hy liet him net sizze, doarme mar roun yn it fjild en kaem sims thüs mei hwet aeijen ef in soadtsje fisk, dy't den opiten waerden. Al let op 'e dei draeide er de de doar op en smiet twa einfügels oer de flier. „Hja binn meager, mar der sit dochs wol hwet goeds oan", sei er. De keamer lei er noch krektlyk hinne as de moarns, en Auk dwelme der yn om. Broar socht om in sit en frege : „hat mem noch hwet iten ?" „Ja," sei se, „ik ha hwet ierpels yn 'e oven, ik kin se dalik wol krije. Do waerd Sytse wekker en röp sunich „Broar." „Hwet is der", sei dy. Hy seach forheard nei 't bedsteed, hwer Sytse himsels hwet oereinjoech ; „kom hjir ris, Broar." Do gyng er dêr hinne en seach syn heit dêrlizzen; oars krige er altyd in biroerd gefoel as hy immen seach dy't net sa as hy roundoarmje koe yn waer en gjin waer, en dy't net alles weagje doarst en ütstean koe; faek hied er in hird gefoel hawn as hy syn heit sa breklik en gammel de streek üt gean seach om hwet hannel to dwaen, — hwent Sytse mankearde hast altyd hwet en hie in min boarst, — den hie Broar him omkeard en wie de wyldste poelen yn gien ef hy wier de heide oerdwaeld en hie socht om hwet det in oar minske net doarst: ienkear hied er in roekenêst uthelle det yn in hiel hege tinne popelier siet, en dêr't de skoallejonges net yndoarsten, op in oare keare hied er him ütklaeid yn 'e skou en wier do de Mar opswommen mei it tou fen it boat yn 'e müle, en hie det krekt salang folhaiden oant er net mear koe en him mar mei lijen yn 'e skou wrotten hie. Sa die Broar den, om it jonge libben det yn him polske en brüze to bidarjen, sünder det er ealge hwet him altyd jage en dreau. Mar nou't er syn heit dêr sa lizzen seach, sa machtleas en stumprich, do kaem in great gefoel fen meilijen oer him en om't er him net uterje koe en dochs dreaun waerd om heit fiele to litten, det er mei him bigien wier, krige er de skrale giele han, dy 't oer de bêdsplanke hong, beet, en sei mei in frjemd lud : „ho is 't heit, is 't minder ?" Sytse waerd weak fen Broar syn lüd en wist net as er syn han gewirde litte moast ef net; earst koed er neat sizze mar do kaem der sunich üt: „Broar jonge, dit kin sa net langer, der moat hwet fortsjinne wirde.'' Broar sei neat, mar syn trekken waerden wer hirder: hy wist hwet der komme scoe. „Dou koest nou in slompe jild fortsjinje, ast nei de klaei gean woeste". „Yn de oare moanne kin 'k wer fiskje", sei Broar. „Ast nou seis wike yn 'e haeijing gongste," praette Sytse troch, „den koeste wol mei sauntich goune skjin jild thüskomme." Broar sei noch neat, en hy hie heite han loslitten; stiif seach er nei de groun en do wer nei syn heit. „tn as ik den wer thus kom, sei er. „Den kinst wol wer fiskje," andere Sytse, „mar dou sjuchst dochs ek wol, det it sa net langer kin." v'k Wit net," sei Broar en stadich trape er nei de tafel ta, mar do't er dêr wier, gyng er nei de doar. Sytse laei wer efteroer en hie de eagen ticht; Auk siet stil op hjar stoel, mei de hannen yn 'e skoat en seach Broar nei, dy't al yn 'e doar stie. Hja seach him noartsk oan en dochs hast smeekjend. Ynienen kaem hy in stap tobek en sei: „nou goed den, ankomme tiisdei gean 'k mei de boat nei Snits." Do flapte er de doar ta en trape mei de hannen yn 'e büse it hiem oer en gyng it fjild yn. De joun wier kommen; it grille ljocht fen de dei wier forbloeid yn in teare reade gl^ns lyk as de sinne jouns oer de fjilden leit, dy't den stil to drógjen lizze yn it léste ljocht. Fen de Mar kaem hoarich en klear it lüd fen in skipper dy't yn de waring lans klompte ; de kikkerts krollen hjar ienteanich liet yn de poellen en yn in beamboskje siet in klyster to kwelen ; fol en weak klonken syn klanken oer de heide. Broar roun mar foart en doarme in hiel set om, sünder to sjen hwet er lcins roun. Do't er ticht by hüs wier, röpen de uien en hiel üt de fierte kaem noch it lüd fen de kikkerts. 't Wier nacht wirden, sa lang hie hy foart west; om iten hied er net tocht, mar do't Auk de panne mei opwaerme ierpels foar him op 'e tafel sette, iet er de panne leech en gyng do sünder in bult wirden op bêd. Sliepe koed er net, hwent hy hie sein do't er by heit foar it bêd stie, det er yn 'e üngetiid gean scoe, dos foart üt it frije libben en by frjemden. Al mar walle it yn him op, det er it seis sein hie en tobek koed er net, det wier him to lyts, mar hy biskildige himsels det er, sünder tsjin to akseljen, to mak heit syn sin dien hie. En al kaem der sims in gefoel det him sei, det er goed die as er in skoft foart gyng om jild to fortsjinjen, it witten, det er den salang ünder de plak stean moast, yn 't span mei oaren, det jage dy goede tinzen wer foart en hy seach der o sa tsjin op det er mei de boat gean scoe en det syn skou en gewear en learzens thüs bliuwe scoenen. Mar do't er yn ienen tocht det seis wike net lang dfirren en det er den wer gean koe dêr't er woe, do waerd er rêstiger en sliepte einlings yn. II. Ut de Walden wei iarre inkelde stomboaten op Snits; 't is in fiere reis en f'ral yn de hjerst is 't gjin plesierfarren, mar döch wirdt der den sims goed mei fortsjinne, hwent den komme se werom mei de boat öfladen fen keallen: dy wirde to Snits forhannele en geane den wer nei de Waldmerken ta. Yn de Maitiid geane keppels üngetiders en mieren tiisdeitonachts op de boat nei Snits om dêr in boer to finen. Broar wier ek yn de iere moarn fen de Marsheide gien nei de bürren; dêr wier er oan board stapt, en al wiemen der forskate fen it folk, dy't frjemd opseagen do't er mei de blaupüde op 'e rêch by hjarren kaem, it niget wier der gau öf en neidet se efkes mei elkoar smoesden en efter Broar syn rêch wirden seinen as: „det wirdt neat mei dy jonge, ommers neat leard", en: „dy komt gau werom", waerd der net folie mear om him tocht; hy siet foar op it wetterfet to sjen nei it lan en it wetter. De moarns do't er fen hus gyng, do hie it him west, as hie syn wente nea sa moai dêr stien op it griene pöltsje ; — syn mem stie yn 'e doar en it skiep en de geiten sieten oan 'e line en frieten drok fen it gers det noch wiet wier fen dauwe, — by it rüchskerntsje klaude in klok mei piken en yn 'e fierte glied it earste sinneljocht op de Mar en oer de poellen. En do't er det seach, do hied er tsjin alles yn weromgean wollen en sizze : „ik gean net foart, ik kin net. Nea hie det frije fjild him moaijer talike, en mear noege om roun to swalkjen hwer't er woe, om de hiele dei frij to wêzen en oars neat to sjen as grien en loft en wetter. Mar mem seach him stean en hja róp: „dou moastnounet ommale, de boat wachtet dy net." Broar waerd ynienen stymsk en scoe hast de püde delsmite en weromgean, mar hy bitocht him en nei't er noch ienkear de eagen gean liet oer syn wrald, dy't er nou misse scoe, röp er: „nou, moarn den!" Rêd roun er foart, noch ienkear seach er om ; do wier er efter de beamkes en neat koed er mear sjen, as bou en greide en foar him üt de bürren. Det ein sSnwei yn 'e stille moarn, it like Broar sa frjemd alles : hwennear scoed er der wer komme ? Forskate plakken dêr't er wol oer de sleat sprong wier, ef yn de wal lein hie, foelen him yn en sims bleau er stean om dêr nei to sjen —, mar den waerd er wer kjel fen it tinken : de boat wachtet net. En as er den wer in ein roun hie, den tocht er: hwet is it stil en frjemd. Mar om werom to gean, det foei him net yn, it stie nou fêst by him, det er for in set foart scoe en dêrom wier it allegearre sa nuver. Salang it noch gjin Tiisdei wier, hied er roundwaeld en ek hast de hyltiden hied er deroan tocht det er foart scoe, mar do wier it noch fier, det skieden fen syn frij libben en det gean nei de frjemdte en wiken oanien arbeidzjen by in oar, hwet net ien Marsheidtsjer koe. Do wier der altyd in hope yn him, det er net foart hoegde, mar ho't det koe, det ealge er net. Nou wier it den sa kommen: hy hie in fêst doel hwet him sa komselden barde, hwent altyd roun er oars mar hwer't syn frij sin him hinne loek. Broar seach net mear om him hinne, hy roun mei de holle foardel de dyk lans en hy wist seis net hwêr er oan tochte. De boat fear foart en Broar siet foar by it wetterfet to sjen nei de wallen fen de feart, hwer de gersen en reiden yn it wetter bügden as de boat dêr foarbykaem. It fé wier yn de yesters, hwer it molken waerd en de bussen op de karren glommen yn de sinne. It beamgüd fen de bürren gyng al fierder en fierder efterüt, op 't lést koe hy de toer mar alhnne mear sjen en in inkeld dak fen in greate pleats. En as de boat draeide den seach Broar ek in oare kant üt: hy hcildde it gesichtnei it plak, dêr't er weikommen wier. As immen dy't heal yn 'e dodze moaije dingen dreamt, mar troch de dream hinne wit det it gjin wirkelikens is, sa seach Broar om him hinne de bloeijende maitiidsfjilden, dêr't hja trochfearen. Tichte by de stêd gyng er nei it oare folk ta en koft in küm kofje fen de hofmaster; hy formanne him en woe dwaen as in greaten-ien, mar it slagge him net om gewoane antwirden to krijen as er hwet frege oer de skipper ef de stêd: hy fielde düdlik det net ien him bisköge as in keardel. Den stie er wer stil to sjen nei de drokte fen boaten en skippen yn 'e grêft. Nei forskate uren yn de gleone sinne op de merk stien to hawwen, hwerfen Broar slüch en waerm waerd en hy him fen hwet der om him barde neat oantriek, kaem der op 't lést in boer, dy't him mei noch trije oaren oannaem. De boer naem hjar mei yn in kofjehus en liet broadtsjes mei tsiis en kofje for hjarren komme en do waerd Broar syn tinken klearder en hy bigoun blierder to wilden,— hy siet twisken manljue en de boer bihannele him krekt as de oaren. Broar moast lang nei de boer sjen ; in greate man mei in snor en it wyt foar; in wite striehoed hied er op en dy sette er nou yn 'e nekke, wylst er de skonken oer elkoar hie en greatsk om him hinne seach. „Hwet in foarname greatske man", tocht Broar, „en dochs praet er frjeonlik tsjin üs." Mei gauwens sei de boer: „nou, ik fyts mar foarüt: jim moatt' my mar neikomme." 't Wier hast oardelüre rinnen, in pündyk lSns troch de greiden, dêr't nou al de jounsstiltme oer laei. It fé roun fredich to weidzjen, in inkelde meanmesine rikketikke troch in stik stannen. Lüdroftich petear wier der net twisken de fjouwer; Broar roun oan de kant fen de dyk en de oare trije praetten ek net drok, hja wierne wirch fen sa'n üngediene dei. En de jonge fen de Marsheide, dy tocht ho't nou thüs de joun ek kommen wier oer de heide en de poellen. Klear seach er ho stil alles dêr wêze scoe, en ho frij er dêr lein hie ef omdwaeld, hwennear hy thüs bleaun wier. Mar de greate fjilden om him hinne, mei de pleatsen yn de beammen, de mounlen en de doarpen yn de fierte, — dy makken syn tinken net wyld nou ef twingend, sa as it oars meast wier, as er hwet dwaen moast hwer't er net folie sin oan hie. En do't hja einlings de hameije yndraeiden fen de greate steatlike pleats, dy't sa rêstich en foarnaem dêr stie yn it reade jounljocht det kaem oer de greiden, do wier it Broar, as hied er in lange swiere reis efter de rêch, dêr't er lang tsjin oansjoen hie; it eindoel fen dy reis, de pleats, foei him net öf en alhowol hy hiel goed wiste det moarn al it arbeidzjen bigjinne scoe, — det like him nou, yn de stille joun by de greate pleats, hiel oars to wirden, as lyk it him oars altiden foarkommen wier. Do't er de jouns nei it jounmiel yn it foarhüs, allinne hwet omtrape op it hiem, do seach er for it earst ho'n great gebou dêr stie, hwet in lange koumürre en hwet in heech dak ; en den dy steatlike foarhuzinge mei de wytferve finsters, det like de jonge fen de Marsheide, dêr't oars net stienen as lytse wentsjes, sa ryk ta, — ho moai scoe it dêrfoar yn de keamers wol wêze, tocht him, hwet in moai hüsrie scoe dêr wol yn stean. Hy dróge sa foart en ynienen seach er wer syn eigen wente sa as er dêr fen 'e moarn weigien wier, — syn lytse wente en derêfter de fiere fjilden en de Mar. Dêr die Broar syn eagen wiid iepen en seach nei it iene finster; twisken de gerdinen stie in jongfaem, in famke hast noch en dy seach nei him. Broar stie stom stil, hwent it wier krekt as wier üt syn dreamen oan de Marsheide, oan de glanzgjende heide en it blinkende wetter, det stille wite famke dêr kommen to stean. Ut it fine blanke antlit seagen hjar greate eagen him oan, wylst hjar earm it gerdyn oerside hold. En hy stoarre nei hjar, as wier er bang det hja dalik der wei gean scoe en det der foar him neat bleau as it finster mei de gerdinen der efter. Sa kaem it ek, om de lippen fen it famke kaem in glimke, stadich liet hja it gerdyn los en stoep tobek. Do skeat it Broar yn det it gjin dream wier, det er hjir üngetiidzje scoe en det er der wit-ho-lang stien hie to sjen nei det bern, det grif de dochter wier fen de boer. Mar noch moast hy sjen nei it finster, hwerefter de gerdinen ticht bleauwen krekt as de oaren, en do't er al yn it gol laei op it hea, seach er noch mei de eagen ticht, ho moai en fyn det famke wier. III. Al in goed wike wier Broar op de pleats en fen moarns ier ta^ jouns let wier er mei yn 't fjild en hy arbeide tsjin de béste. Fen ien fen de oaren hie de boer al heard, üt hwet oarde Broar kaem en fen hwet soarte folk hy wier. Der wier him al forteld ho't dy ljue oan de kost kamen, ef ljeaver det net ien wist, ho't se hjar brea fortsjinnen, en hy hie al tocht, det de jonge net lang bliuwe scoe om't dy nea leard hie yn 't span to stean. Mar de stroper, — sa't de boer him yn 'e hüs al neamd hie —, die stil syn wirk en bisocht alhiel net om de kantsjes der öf to rinnen. As de boer him hwet sei, woed er it skoan oannimme; op in sneintomoarn, do't de boer mei syn frou en dochter yn 'e keamer sieten, sei er tsjin hjar: „Dy jonge üt de Walden, det sa'n echte wylden wêze moast, dy fait my hündert parten mei." „Det sei'k jo al", sei syn frou, „hy scil wol in frjemde oplieding hawn ha, mar al faker as ienkear ha'k nei him sjoen, as er mei it folk sit to iten ; hy is bang leau'k det er onfetsoenlik is en fensels, fetsoen hat er noait leard." „Jister ek noch," forfette hja, „do pleage de lytsfaem him, do koe'k suver sjen det er net wiste, hwet er sizze moast om him derüt to rédden, en hy krige in kaem do't de oaren laken om hwet er werom sei." „Ja," sei de boer, ,,'t is net in slimme jonge, mar hy is frjemd opbrocht, det kin min oan alles witte." Broar hie dy moarns tédronken mei de boaden en wier do nei tsjerke gien ; ien fen de feinten hie him meinommen ; üt himsels hied er der nea hinne doaren. De oare üngetiders hienen de snjeontojouns sjoen det se in fyts krigen en wiemen nou nei hüs ; Broar koe net fytse en bleau sadwaende allinne fen hjarren op de pleats. — Lang hied er syn maten neisjoen op 'e dyk do't hja foartrieden, krekt sa lang det se weiwaerden yn 'e fierte mids de oare fytsers. Hy wier der ünwennich fen, allinne as frjemde op 'e pleats; de boaden forklaeiden hjar en teagen nei it doarp. Net ien fen de beide feinten frege eft er mei woe, en do roun er allinne it fjild yn en doarme sa lang om, det de joun kaem en de dauwe boppe de sleatten hong. De wjerlamkes bietteren yn 'e loft en in lette ljip sloech noch oer de wjuk. Oars wier 'tsa stil en de fjilden spraetten sa wazige fier; Broar hong tsjin in hikke oan en droge ho hiel oars syn libben nou wirden wier. Hy mocht hjir wol wêze en forlange net iens bot om by de Mar om to swalkjen; wol stie syn hüske him klear foar en hy tocht: ho scoe 't mei heit wêze en hwet scoe mem dwaen. Do't er op it hiem kaem fen de pleats bleau er wer stean en harke nei de stiltme dy't hong om il greate hüs, dy Snjeontojouns stiltme, dy't sa hiel oars is as oare jounen, sa fol rêst en wijinge, det men mear goede tinzen hat as ornaris. En Broar fielde him net ünwennich mear om't er allinne as frjemde op 'e pleats bleau ; in stille blidens kaem oer him en rêstich en moai wierne syn tinzen oan hüs, — nou seach er det er goed dien hie mei fen hüs to gean, om't it libben fen syn alden dêrfen makliker wirde koe. Hy wier stil-bliid yn de sêfte joun, mar dochs kaem for in setsje de langst yn him op om nou by syn alden to wêzen: hy scoe hjar den frjeonlike wirden sizze. Sa stie er to drögjen en tocht deroan det it de oare deis Snein wier, in lange dei sünder arbeidzjen, en al koed er him nei in beuzige dei tofreden tinke, dochs like de frije Snein him moai ta, — hwet er dwaen scoe wist er net, mar det de tiid lang falie scoe der wier er wis fen. Hy siet op in lege haiwein flak efter 't hüs en droge oer de wyt-bidauwe fjilden, oant er him stadichwei opjoech en lustere nei in sêfte mezyk; yn ienen tocht er oan de jounen as er efter 't reid by de Mar stien hie, — den koene fen in boat yn it soal, dy't mei potfortarders foart west hie, ek sokke sêfte fiere lüden fen sjongen en spyljen oandriuwen komme oer de stille simmerjounsmar. Sa klonk it nou ek en Broar seach om him hinne hwer it wei kaem; hy liet him op 'e groun sakje en gyngsunich by de skürreside lSns, hwent it kaem foar by de pleats wei, — hy trape stiltsjes troch it gers, as wier er bang it lüd to forbaljen det nou al düdliker en klearder troch de joun klonk, mar det troch suverens en tearens by de harmonije fen de stiltme like to hearren. Noch wist er net hwa't dêr spile, mar do't er oan de foarhüshage ta wier, seach er oer de blomparken hinne foar it opskoud finster it selde famke, det er de earste joun sjoen hie, for de piane sitten. Hja siet mei de holle hwet efteroer en seach omheech troch de glêzen, mar hjar fine hantsjes en fingers fleagen rêd en fluch oer it spylark. Broar koe de wizen net dy't hja spile, mar moaijer mezyk hied er nea heard; as in wünder-frjemde wolken drea-uwen dy klanken om en oer him, — sêft sims as de rook fen tüzen blommen, den wer lüder en hirder, mar altyd sa frjemd en tear det er wol güle koe. En do't er oars neat mear seach as in ljocht plak troch it finsier en ek einlings det wei waerd, omdet it al hast nacht wier en it famke net mear spile, do stie Broar noch yn de hage to sjen nei it stille wite finster; hy suchte djip en miende det er dreamde. Op de taest wei gyng er yn de skürre en liet him falie op syn leger. — De Sneintomoarns do't de feint him frege eft er mei woe nei tsjerke, do gyng er mei om't er wiste det dêr ek spile waerd. De feinten en de fammen fen de pleats dy't ünder elkoar altyd grapjagen en wille hienen, namen Broar der op hjar manear wol ris twisken, mar dêr gyng de aerdichheid fen öf, hwent syn bleuens fen earst wier der net mear. Hy koe dyselde dy't him hwet sei, sa nuver oansjen det hja net mear laken ; f'ral de beide fammen seinen : „hwet kin hy yen frjemd oansjen —, 't is in nuvere stille jongen, me grounet him noait." Yn tsjerke seach de feint him nou en den oan, hwent hy siet stiif en stil en like dochs neat to hearren. De tiid gyng fierder, mar Broar fornaem it net, hy arbeide kloek mids de oaren, dy't yn him seagen in stille jonge, miskien sa stil wirden om't er altiden tocht oan syn frij libben yn it wylde lan thüs. Mardetwiersanet, hwentdo't de boer him op in oare snjeontojoun do't syn maten foartteagen nei hüs, frege „Scoene jy ek net ris nei hüs wolle in snein?", do sei er: „Né boer, ik bliuw hjir ljeaver." Dy koe it him net bigripe det immen sa'n bytsje langst nei hushie, en hy sei tsjin syn frou : „hy hat thüs fensels net folie hael, oars scoed er dochs wol ris de reis dêrfor meitsje." De frou bigriep it ek net, mar hja sei: „hy moat Sneins mar by üs oan tafel ite en drinke, hwa wit hwet hüshalding it by him thüs is." „As er det mar wol", andere de boer. Op in joun det it wirk oan kant wier, it wier al let en skimerich, stie Broar wer efter de hage en seach nei it finster, — in hiel skoft. Do kaem it famke it paed lans kuijerjen om de blommen en taksebeamkes hinne ; hja bleau stean do't hja Broar seach en hy haldde lang syn eagen yn hjarres. Einlings sei hja : „hwêr wachtsje jy op ?". Nei't Broar in skofke wachte en hjar oansjen bleau, sei er: „Wolle jy noch ris wer spylje ?" Stadich kaem in glimke om hjar lippen, do sei hja: „hwerom ?" „Det is sa moai" sei Broar. Hja glimke wer en gyng do yn 'e hüs; efkes letter klonk de mezyk troch de stille joun en de eartiids rouwe jonge stie mar to harkjen en syn moed waerd sa frjemd, fiere dingen seach er dy't moai wiemen en tear, krekt as it famke det for him spile. Lang stie de jonge dêr, oant op 't lest de spylster for it finster kaem en sunich sei: „nou hald ik op, hear." Hja gyng foart, mar earst knikte se Broar noch ta dy't neat weromsei, en noch lang nei det alles tsjuster wier stean bleau as in dreamer yn de nacht. — De haeijinge wier sahwet oan kant en trije üngetiders scoenen de snjeontojouns foart gean forgoed. De boer hie Broar frege eft er noch in pear wike bliuwe woe, en dy hie det oannommen as in great foarrjucht. Hy tocht him lokkich noch in skoft bliuwe to meijen op de greate pleats mids de wide flakke fjilden by de boer en frou en by Anke, hjar bern. Hja hie seis hjar namme oan Broar sein en det wier sa kommen. Broar siet op in sneintomiddei oan 'ekantfende grêft to sjên nei de lannen, hwer de oppers hea stienen en hwer yn oare stikken it bunte fé by de sleatten lans lei. De loft wier bleekblau fen waermens en it trilie yn 'e fierte as walme de fruchtbre ierde. Fieröf dreauwen blanke seils hiel stadich boppe it lan üt, it wier hast stil en de falden wiemen as swarte streken to sjen yn de wite lapen. In stik fen de greate mar blikkere en skittere fen de sinne dy't gril en wyt op de wrald delbrette, hwerboppe de loft fol wier fen miggegegüns. Broar hie, wylst syn maten yn 't hea leinen, ek in skadich koel plakje opsocht yn it gers by de grêft ünder hwet beamgüd. Hy koe hiele skoften sa sitte to sjen en to dreamen, mar nou wiemen syn tinzen fen de waermens noch folie onbe- Stimder en waziger as oars, en dochs wist er det er hjir net lang mear bliuwe scoe, det er werommoast nei de Marsheide. Sa lang as er dêr west hie, hiene syn tinzen oer de kommende tiid nea oars west as fen de iene forbeane tiid om to aeisiikjen en fiskjen en jeijen oan de oare, mar nou stienen foar him de dagen det er wer thüs wêze scoe en den omswalkje, as in dizige rige dy't lang oanhold. Ynienen hearde hy efter him sunige stappen yn 't gers en hy skrille forheard op, hwent hy wier heal yn de dodze. It famke stie efter him, en wer mei det nuvere glimke om de lippen en wylst hja him oanseach mei hjar glanzgjende ljochte eagen, sei hja: „Ha jy ek lést fen de waermens? Broar foun neat om to sizzen en syn eagen waerden great fen forwundering, do't hja nést him sitten gyng yn 't gers. „It is sa waerm", sei hja, „mar 't is hjir lekker koel." Noch koe Broar neat sizze om't er miende noch to dreamen, mar do't hja mei hjar kleare stimme frege: „Ho hjitte jy ?", do sei er: „ik hjit Broar en ho hjitt'jy ? „Anke", sei hja. „Anke!" sei Broar. De greate jonge en it fine famke sieten deun tsjin elkoar oan en net ien fen beiden wier forlegen, al wier hja de dochter fen de boer en hy in ungetider, ien fen in frjemd soarte fen folk. Hja praetten togearre en Broar klonk hjar lüd as reine mezyk yn de earen. Altyd hie er skruten west by de fammen fen de Marsheide dy't sa dryst wiemen en him faek bigekten; ek de beide fammen fen de pleats hied er mijd om't hja him faek de gek oanstieken, mar dit famke wier sa moai en frjeonlik en praette sa gol mei him, det al syn bleuens foart wier en hy mei blide eagen yn hjarres seach. Do sei Anke ; „nou moat ik wer yn 'e hüs hear, oars wit mem net, hwer ik bin: dei Broar." „Die Anke", sei er. Sa wier Broar noch allinne as frjemde op 'e pleats en hy libbe stil syn dagen troch. Ut en troch seach er Anke en den ljochten syn eagen fen blidens. Mar ienkear op in dei barde der hwet, det syn blide tinzen oandie, sa as in kalde wiete mist delkomt oer ierbloeijende blommen, — it teare wyt en giel stjert en dea steane de blommen, dy't earst in ünthjit joegen op de maitiid, — ho dy komt, wit net ien en hwet er bringe scil net, mar de jonge minske leaut en wit det de maitiid moai wirdt. Sa wier it ek mei Broar: nou earst seach er hwet in dreamer hy west hie en dêr waerd er drövich fen. Syn hearlik blide tinzen hweryn hy libbe en syn fiere gazene dreamen fleagen wei. Op in dei kamen hearen en dames üt 'e stêd foar op 'e pleats en do't se wer foart gyngen yn it blinkende reau mei twa hynsders dêrfoar, do siet ek Anke dêr yn en net ien fen dy foarname jonge minsken seach nei Broar, ek Anke net. Hjar praetten stêdsk meielkoar en laken en hienen wille; — wyld fleach do it leed op yn Broar, as in donkere wolken wier it om him en hy amme der yn, mei eltse sike fielde er it. In pear dagen letter teach Broar nei de stêd, kaem de jouns wer op de Marsheide en brocht mei syn jild det er fortsjinne hie op 'e klaei, in rommer tiid for Sytse en Auk. En al krimmenearre Auk sa as altyd, hja seach hast hwet tsjin Broar op, om't er sa'n hompe jild thusbrocht; en dochs hie se him Ijeaf. Net mei sêft-waerme wirden koe se dy uterje oan him, sa as in mem dy't yn in kreaze wente hüshalde kin fen in ridlik goede deihier en dy't ek sa opfied is. De minsken fen de Marsheide binne sa net opbrocht, hja binne fen jongs-öf-oan bern fen de natür, rou sims en bot, mar hja hawwe ek al jong de fiere ütsichten oer de Mar en mieden en poellen, en al kinne se hjar net uterje, hja fiele it moaije fen de skepping: sünder det se it seis witte libbet yn hjar it moaije minskelike. Mar de bürsters en de boeren dy sizze: „it is in frjemd soarte fen folk." IV. Broar wier wer sa as foarhinne de greate jonge, dy't rounswalke mei it boat troch de poellen en oer de Mar, dêr't er mei syn bihyplik fiskark hwet fortsjinne. Ienkear bleau er wei oant let yn de joun, en do't er thüs kaem en Auk al Üngerêst wirden wier, om't er sa lang bleau, sei er: „moarn moat ik der om trije ure al wer üt, ik help in skipper mei flotsjen, de Heide-wyk yn." Op in oare kear kaem er thüs fen de Mar en sei: „Japik JSns dy't by de Unwaerspölle oan 't lossen is, hat frege eft ik in reis-twa-trije mei him dwaen wol nei de terp: syn feint is fen board." Broar bleau in fjirtjin dagen as skippersfeint by Japik, do kaem er wer thüs. Sytse en Auk hienen it rommer as hja it yn tiden net hawn hienen; hwet Broar fortsjinne brocht er thüs, hy fordie neat. En do't de tiid kaem, det der hwet hea woun wirde moast op de stringen en pollen, do meande er en swile en brocht it thüs en sei: „scoenen wy genöch ha, heit ?" „As wy noch in skiep koften", seinen Sytse en Auk en hja seagen Broar oan, „safolle jild is der nou wol." „Goed", sei Broar, „yn de Swarte Poel mocht ik noch wol in pear stringen meane, hat de nijboer fen de Geastpleats sein." Broar die ek it wirk op it hoekje bou en do't it safier wier, tepte er de beantsjes en dolde de ierappels en birêdde al|eS Yn de twiskentiden gyng er wer de Mar op en nea hied er safolle fongen as nou. Sytse en Auk hienen it fleuriger as ea fen to foaren en hja seinen : „as wy de jonge net hienen, den koenen wy üs net redde." Sytse knapte wer hwet op en praette mei Broar oer in geskikt skiep üt de kinde, det er keapje scoe. Hwet Broar seis oangyng, hy wiste net hwet der foroare wier, ek net ho't er fen to foaren der noait sin oan hawn hie om sa as nou warber to wêzen. Sims krige hy der noch wol sin oan, om mei 't boat foart en oan 't swalkjen to gean oer 't wetter, mar hiele dagen die er det net mear, hwent der wier hast altyd hwet, det er dwaen moast thüs, sa't er miende, en den bigoun er dêr mei en hie foldwaning fen it wirk. Op syn swalktochten oan de wylde Marskaint, hwennear hy sims sünder doel foartskoude ef by in pölle oanlei en den ünder de boskjes him deljoech, dêr like er hast deselde Broar fen alear, dy't sünder doel rounswalke en libbe fen by hjarren siet. Hja stie nou oerein en birg it naeijen wei en do't Broar, nei't er al joun sein hie, by de doar noch efkes omseach, do kearde hja him hjar antlit ta en hie de eagen in setsje yn sines. Nea hie Broar folie de fammen oansjoen, mar lm hie sa'n kleare rêstige opslach, det er der graech langer yn sjen wollen hie. Oreat wier hja net, mar dochs in feardich frommis, sa'n ien, hweroan men dalik sjucht det se de hannen net forkeard oan 't liif hat; en al hie hja trochdet se al jong de hiele hüshSlding dwaen moast om't mem stoar, mear soargen hawn dan de measten fen hjar aldens en dêrom miskien hwet in earnstich waes oer 't antlit, dochs wier lm soun nei geast en lichem, de sounens fen in jong minske, dy't opfied is op de pleatsen fen Frystèn — en hja koe sims mei hjar klear lüd sjonge, det de boer noch tankberder wier for syn iennichst bern, as hwennear er altyd weroan opmirk, ho n flinke krasse hüshaldster as hja wier. Broar knikte for de twadde kear „goe-joun en lm andere frjeonlik „joun Broar." Do't Broar fen 't hiem gyng en fluch oanstapte, om t it oars slim to finen wier as er by tsjuster mei it boat by de Marskant lans moast, roun hy yn noflike tinzen. . »Hwe[ Slt it sellich yn sa'n keamer", tocht er, „en den mei sa n boer prate oer de boerkerij; 'k woe det ik der hwet mear forstan fen hie". Hy sei stil foar him hinne: „ik mocht wol om ried komme, hat de boer sein". En al wier der neat foroare, dochs wier it Broar as hie de boer him hwet moais unthjitten. , , , . , „ Sünder det er der fierder oer neitocht hwerom det sa wier, seach er lm sa as hja him „goe-joun" sein hie, — hja wier sa frjeonlik, mimere Broar; „hwerom scoe se ek net wêze", sei er do sunich. De hyltiid ünderweis nei hüs wierne syn tinzen op e pleats oan 'e Sanwyk, yn de keamer, sa as hy mei de boer sitten hie to praten, en lm stil oan de oare kant fen de tafel mei hjar wirk. Dou bliuwst lang hjoed", sei Auk „en den mei sok waer. Fen 't waer ha'k net folie lest hawn", andere Broar, „ik ha" de Sanwyk öffiske en do't ik in soadtsje fisk nei Ate Roels brocht, bin 'k der bleaun to tédrinken". Mear praette er der net oer, mar yn himsels fielde er him stil-blnd, in bytsje greatsk hast, det er tédronken hie by de boer en lm op de Sanwykspleats. De hjerst en winter gyngen foarby, op de Marsheide wier de stilte en ienlikens fen it fjild ; keal en neaken en griis leit alles der den hinne, sünder in frisse kleare kleur. Mar yn de hüs is it den sellich, as it boerefolk jouns om de kachel sitte en nei elkoar geane to jounpraten. Haechlik fielt it den, as de wyn op de skoarstien bolderet en yn skoerren om it hüs guit. As it bigjint to friezen en it sterk iis wirdt, den is de stille rêst in skoft foart, hwent it jongfolk hat den gjin dür thüs en moat alle dagen de redens ünder ha. For hwa't soun is en jong en fleurich, is it libben den alle dagen Snein, hwent op it iis under de winterblauwe loft is in soarte fen Maitiid, dy't it jongfolk trochlibbet mei sjongen en frijen en bliid-wêzen. Noait is de omgong twisken it jongfolk frijer en lokkiger dan op it iis, den ride boere- en boargers- en arbeidersbern mei elkoar, hast krekt as do't se meielkoar yn 'e burren op skoalle gyngen. As 't sterk iis is, komt for it jongfolk deselde frije omgong as op skoalle werom. Mar it is sa'n bytsje sterk iis langer, en as de alden oan it fortellen reitsje oer de winters ut hjar jonkheid, den tinkt de jongerein, sokke winters ha wy net mear. Sa wier it dizze winter ek, it frear hwet, en der foei hwet snie, mar sterk waerd it iis net; de skoalbern rieden in pear middeis en ho't it jongfolk ek ütseach nei in igale fikse froast, dy kaem net: it bleau in kwakkelboel. De hjerst en winter gyngen foarby as in lange rige dage fen kjeld en wiette en hirde wyn ; sims hong der in mist boppe de trochweakke ierde en naem buten it léste bytsje klearens wei, mar altyd, al wier der ek hast alhiel gjin wyn, — altyd rüze de Mar. Do't it hwet froastich wier, gyng Broar de poellen yn om de otter dy't der tahaldde machtich tu wirden, ef hy gyng mei de houn de hege lannen oer en jage op mirden. Mar do't nei Nijjier al in inkelde dei kaem dy't wytge fen de Maitiid, do wier er op it hiem yn de skrep, — in fiks stik heide woelde er en makke er sljucht en donge er, en ek it plakje bou brocht er yn oarder. Letter, do't de fügels werkwamen en for de gevel efter de hagen de liderkes bloeiden, teach Broar mei pols en learzens it fjild yn om ljipaeijen. Hy hie it drok, hwent hy sjoude net sa as oars hiele dagen om, mar gyng allinne op geskikte tiden foart en arbeide de oare tiid thüs om hüs hinne. Hiel inkeld kaem er op de Sanwykspleats en Ate Koels hie al in kearmannich by it heidehüske west en ried jown. Sytse wier safolle opknapt, det er ek hwet licht wirk dwaen koe en do't Broar en hy it spil yn de bou hienen en'Broar wer oer de klaei gyng, haldden Sytse en Auk de boel skjin; it wier hjarren hast tofolle mans, mar it gyng mei nocht, sünder det se der seis oan tochten hast. Hja mienden al hiele boeren to wêzen en do't Broar op in Snjeontojoun for de Snein thüs kaem en hy mei Sytse de oare moarns foardet se nei tsjerke gyngen, de foergen lans kuijere en hja togearre de fruchten biwünderen, do kaem oer beiden in sêfte fieling fen tankbrens, dy t se nea field hienen. „As wy hwet lokkich binne mei it waer en sa, den wirdt it fen 't hjerst goed, heit," sei Broar. Sytse seach syn soan oan, dy't great en flink mids de fruchten stie en in bytsje skrutel hast sei er: „Ja, it liket skoan, mar witste hwet mem en ik fen e wike tsjin elkoar sein ha ?" „Nou?" sei Broar. „Det wy it net earder sa oanpakt ha, sei Sytse, „dot mem en ik jong wierne." Nei tsjerktiid sieten heit en mem en soan sellich yn it nearzige keammerke, det fol wier fen sinne; de klimmerblêdden weegden for it gevelfinster, yn de parkjes bloeiden de daeljes en plümlewierkes, de griene hage siet fol ten wite blomtufen en yn it beamte songen de fugels sa as alle Maitiden hjar liet fen jong moai libben, det in jong minske in ünthjit jowt op in ljochte simmer, mar det ek oan güds dy't al jierren oanien de Maitiid kommen sjoen ha, altyd wer op nij hope jowt en blidens. Sytse en Broar hienen beide in segear oan en lieten de blauwe reek opkringelje yn 'e ljochte keamer; Auk siet op 'e stoel mei de hannen yn de skoat en paste op ynjitten. Hia fielde hjar noflik, glimkjend seach se om hjar hinne en hie der mear nocht oan det de keamer kreas en opredden wier, as ea fen to foaren. Gau wier de snein om, hwent Broar moast de jouns wer by syn boer wêze ; op 'e joun scoed er foart en do brachten Sytse en Auk him in ein de leane ut. Do't er op 'e fyts stapte en syn alde ljue him noch in set neiseagen, do praetten se yn de weromreis mei sêfte goede wirden oer hjar jonge, hwent hjar libben wier safolle oars wirden ; al hienen se it tsjinwirdich drok en bannich, nea wierne hjar dagen blier en rêstich west as nou. En as Broar yn it gleone haeilan op 'e klaei de lange dagen trochmakke, den tocht er sims noch wol oan syn mearkes-dreamen fen alear, mar mear en klearder blidens hied er, om't er nou wiste ho't er for himsels en for syn alden arbeide en mülk ienkear thüs bleau yn 't eigen wirk. De simmer mei al syn drokte for it boerefolk, gyng foarby en nei de üngetiid hienen Broar en Sytse it drokker op hjar spiltsje, as se ea hawn hienen, hwent der wier al frijhwet to rispjen; — de frucht wier goed en de prizen ek, hja makken skoan jild. Buten it hea det se winne koenen op de pollen en stringen, hie Broar der noch in hoekje mieden byhierd, hwent it doel wier om ien, as 't koe, twa hokkelingen op to hawwen, to winter. Nei de greatste drokte fen 't hea en it sied hie Broar sa twiskentiden yn it skürke in stal timmere, dêr scoe it „fé" stean; it oare, de skiep en geiten, stie oan de oare kant yn hokken, en buten tsjin de eftermürre oan wier in foech hokje boud for de bargen. Op in ünlijige Moandei-op-Tiisdei-nacht teach Broar mei de boat nei Snits en kaem de jouns wer thüs mei twa fikse keallen. Sytse en Auk biskögen it ynheljen fen hjar earste „fé", sa't se it neamden, as in soart feest. Do't dy to plak stienen op it staltsje en hwet binijd om hjar hinne seagen en yn 't nije hea omsnüfden, do rekken de beide minsken net ütpraet oer de makkens fen de bisten, „dêr sitte in pear goede kij yn", sei Sytse, „hwet leit yn dy iene in moaije rêch". „En hwet binne se hansum", kaem Auk. Broar ljochte by mei de lantearne, hy sei net folie, mar wier hwet greatsk op syn nijkeap. De oare dei's kaem Ate Roels ek del, —sünder det Broar earne nei frege hie, hie de boer sa frjeonlik west om tsjin Broar wier it, as seach er alle kearen better, ho moai lm wier, mar dy eagen wierne for him it aldermoaiste ; as hy op de pleats wier yn de greate keamer, dy't him ljeaf waerd om» de hüslikens dy't hy dêr fielde, wylst büten it gülen fen de wyn en it rüzjen fen de Mar troch de loft gyng, den wier it him simstiden, as fortelde dy sêfte gl&ns yn hjar eagen him wit ho folie moais, den wier it him as ljochte dêrüt him de Maeitiid tomjitte, de Maeitiid dy't folge waerd fen in greate moaije simmer. ^ Mar Broar wier in Fries en dy binne ynbannich, hjar djipste fielen kinne se net samar ütsizze en dêrfen wirdt it bulte stil-leed lit, in bulte moais bliuwt djip yn 't moed sünder det it ütsein wirdt en den opbloeit ta in libbenslok fen twa minsken. Ja, Broar wier ynbannich, mar al hied er det net west, den hied er noch wol witten det lm in boeredochter wier en hy in Marsheidtsjer, — ien fen in fremd soarte folk. En sa kaem in nije Maitiid ; Broar hie it drok en kaem hast net mear op de pleats, en mocht er den al in boadskip meitsje, den wierne it dochs net mear dy jounen fen de winter. En nea noch hienen lm en Broar mei oare as gewoane wirden tsjin elkoar praet, hast noait togearre west. Mar al wierne dy skoftsjes, hweryn it Broar wier, det hy en lm byelkoar hearden, foarby, al wist er wol det lm in eigenerfde boeredochter wier, doch bleau der hwet djip yn him det him sei: „it moaije kin komme", en Broar libbe yn det ünthjitten rêstich fierder. En altyd wierne syn tinzen oer lm moai en goed. V. Nearne is 't Maitiids sa moai as dêr, hwer by de Mar de mieden tsjin de heide oanrinne en efter de toarre bulterige heide de hege lannen lizze, bou en greide mei beammen en boskjes deromhinne. Dêr ha de doarpen lytse bürrentsjes en büten üt binne de fleurige boerestreken, alde en nije pleatsen en pleatskes der by. En by de sanreden en leantsjes steane ek pleatsen, en arbeidershüskes mei bloeijende parrebeammen, mei skiep op de tün en blommen yn t finsterbank. Dêr is 't gjin bou- ef greideklaei, gjin ieanstreek: ef wetterlan, dêr is de moaite fen hiel Fryslan, dêr is it „de Walden . En dêr binne de minsken net better ef minder as earne oars, hja binne allyk de oaren en fine krekt as oeral yn it libben leed en wille fen beiden. Mar ek krekt as yn alle oarden wirdt der faek praet oer dingen, dy't for 't each frjemd lykje ; yn alle oarden binne minsken, dy't yn it dwaen fen oaren sa graech siikje wolle minne driuwfearren, en der net om tinke det yn elts minske altyd troch it goede en tsjoede in striid ha to fieren. En sokken dy't sa gau rabje oer in oar, dy hawwe like goed dy striid ; ien fen hjar kweade geasten is den dy sucht, de nocht om oer in oar to praten. Op de Marsheide en yn de bürren waerd nou en den it praetsje forteld det de jonge fen Sytse en Auk dy't yn koarten tiid fen in stroper, in echte Marsheidtsjer, wirden wier immen dy't him der by joech en him mear ta deugd oanstelde, — det dy jonge, dy't ommers dochs ien bleau üt it Marsheidtsjers laech, gedoente hie mei Ate Roels dochter, in faem fen goede femylje, in eigene boeredochter. Ho't it sa gau kaem wier, det frjemden wisten hwet der wier twisken lm en Broar ? Och, hja wisten it seis hast net. Beide hienen hja miend, det elts for himsels det gefoel hawn hie fen byelkoar hearren, sünder det de oare it ealgje koe ef mocht, en dochs wer mei in witten djip yn hjar, det it oare gau komme scoe. Tiden hienen hja libbe, sünder elkoar to forheljen hwet hja wisten, mar altyd tocht de ien oan de oare sa as men tinkt oan de ljeafste. En do't hja for de earste kear togearre wiemen, do wisten se, det itjinge hwet se elkoar seinen, moai wier en goed en oprjucht. Op in simmerjoun hienen hja it elkoar sein. Dy jouns moast Broar nei de burren; hy wier net nei de klaei gien, hwent Ate Roels hie tsjin him sein: „dou koest my oars ek wol helpe yn 't hea, den kinste thüs bliuwe." Broar wier do hiele dagen op de pleats en by lm, hwent hy wier der thüs wirden en al wier er mei it folk deis it lan üt, hy wier yn 't wirk op de Sanwykspleats, hwer lm de frou wier. Dy jouns gyng er do't it iten op wier, foart, om't er boadskip hie yn 'e bürren. sa't er sei. Do't Broar foart wier sei lm : „ik moat ek hinne". De boer seach hjar oan, mar lm forfette: „as ik hwet let thüs kom, hoecht heit net op my to wachtsjen, hwent ik kin wol mei Broar weromkomme." Wer seach de boer hjar oan, mar lm sloech de eagen net del en nei't hja in setsje wachte, sei hja: „Ja heit, ik ha nou foun, hwet heit mulk mient hat det ik al lang krije kinnen hie, as ik mar ja sei; ik wit det ik net iorkeard hannelje." . , De boer sei der neat tsjin, allinne sei er: „bern, bern, en do: „wit wol hwetste dochste fanke, dou biste myn iennichste; sa graech scoe 'k wolle detste in goede man krigeste en dêrom scil ik dy net tsjinkeare." „Broar is in goede man," sei lm sêft. „Ja," sei de boer, „det bitrou ik." Do gyng lm foart en op de lette joun, do't de sinne great en read delsakke efter de beammen oer de Mar, do troffen lm en Broar eltsoar en sünder skrutenens gyngen hja togearre de ienlike wei troch de mieden, hwer t de hearook as in geurige hearlike loft om hjar weve. Prate dienen hja net folie, — de joun wier sa stil en de fjilden sa fier. Is der sêfter, mylder loft as in simmerjoun oer de mieden? Is der in tiid, det it herte fen jonge minsken mear fol wirdt fen ljeafde as hwennear de greate dei stoarn is en dêrüt opbloeit de lije stille simmernacht ? Yn de Maitiid polsket it bloed to fül en to hjit, mar yn de simmernacht fine de ljeafde-langjende herten dy't lang al wachten, elkoarren yn de moaijens fen hjar ljeafde. En sa kaem it det lm en Broar op de healtsjustere leane de earmen om elkoar hinne sloegen, en hjar lippen for it earst elkoar founen. ... . Hja wierne net forwündere om't hja in boeredochter wier en hy in Marsheidtsjer, hja wierne lokkich. En do t Broar hjar moaije holle al in set tsjin him oan hie en hjar triljende siken oer syn antlit gyngen, do frege er noch wer: „wolst myn alles wêze fanke ? bin ik dyn ljeafste ? . .. lm ....^ „O jonge," sei hja, „ik ha al sa lang op dy wachte.... Lange jierren binne foarby gien. Faek hat de Maitiid de wrald wer jong makke, faek hat de hjerstwyn güld oer de Mar en de mieden en heide en it libben giet troch mei groeijen en bloeijen en stjerren. En al wirdt der noch wol troch de iene-ef-d'oare forteld oan hwa't mar hearre wol, det se de jonge boer fen de Sanwykspleats noch kend ha, det er as jonge dy't nearne for opgroeide, rounswalke troch de poellen en det er in Marsheidtsjer is fen geboarte, — de greate wiere ljeafde dy't lm en Broar, de boer en boerinne fen Ate Roels syn pleats, byelkoar brocht hat, dy ljeafde dy bliuwt; dy is de sterke stipe yn hjar libben, hwermei hja ienriedich fierder geane. En as Broar forhellet fen in mearke det er bilibbe hat, den seit lm : „Mearkes binne der ommers net ju, allinne mar for bern". É