is toegevoegd aan uw favorieten.

Ta de skiednis fen Toppenhuzen en Twellegea

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„Wolprandeskerke". It liket der in soad op, det dizze Reynarda ek to Toppen huzen wenne liat. Ut letter tiden is üs n.1. bikend, det der in Reynardastate to Toppenhuzen stie; yn 'e 14e ieu, faeks ek wol de 15e, lést men fen in Oege Reynarda. Dy hie in soad skeel mei de Douma's oer it kleaster to Haske. De Douma's woene dêr müntsen yn havvwe en it slagge hjarren ek, dy dêr to krijen en de nonnen moasten oars mar ünderdak siikje. Oege Reynarda spile it klear in 11 ij kleaster for hjarren to stiftsjen en

wol op 'e groun fen 'e Rlomkampster Abdije by Hartwert. Fen gefolgen kaem it stift Oege' kleaster to hjitten.

Oege R. kaem fen Starum, do noch in stêd fen oansjen. Faeks komme üt dizze Reynarda-staech de Rrederode's foart.

Det der twisken dizze beide Reynarda's sibskip bistiet, is sünder mis: Haeije krige in baentsje fen in Hollanske greve en Oege wier berne to Starum, de meast Hollannistyske stêd fen Fryslan.

Oege troude twarris en by syn twad wiif krige er in Sikke (dy om it jier 1461 yn 'e skiednis foarkomt) en forskate dochters.

In twadde edele famylje, dy 't oer Toppenhuzen (en faeks ek wol oer Twellegea!) regearre hat wierne de Bonninga's.

De Bonninga's.

Faeks troch houlik hawwe hja it biwiild oer krigen. In Rroer Bonninga n.1. troude mei in At ef Tjets Reynarda. Nou hie Broer in nicht, dy 't ek At hjitte en Bonninga as fan. Dy troude mei Tsjomme Oenes Wiarda. By hjar libben stiften hja tvva kleasters, n.1. it Galileërkleaster by Ljouwert en Griene Dyk by Snits. Men neamde de frou Atmoeije. Hja stoar yn 1471 en formakke hjar stins Bonningastate to Toppenhuzen oan Pier Foppes