Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

omkriten binne altyd Marsheidtsjers, hwent alles is fen hjar gading.

Net ien fen hjarren komt snjeontojouns fen de boer ef de baes mei it wyklean yn de büse thtis, en dochs libje se der goed fen en bidrage de nearingdwaenden net mei lang boargjen ef sa. Howol de Marsheidtsjer frouljue sims stien en bien kleije foar de toanbank yn de bürren oer it bytsje fortsjinst fen de manljue, dochs is der nimmen dy't hwet oan hjar to goede haldt: altyd ha se sinten op fingerseinen.

Op in moaije moarn yn Maeije laei by ien fen dy hüskes in great opslupen jonge yn 't gêrs; hy laei plat op it liif mei de earmtakken op 'e groun en de smoarge hannen oan de kaken ; de foetten hied er omheech en dêr weechde er mei hinne en wer.

De jonge wier sütrich yn 'e klean, de forblikte kestüsjekoarden broek wier him fiersto wiid en hong him flodderich om 'e skonken, de grize sokken fol stoppen en gatten sieten yn wrongen om de foetten, de klompen leinen nést him yn it gêrs; fen it fêstje siet gjin knoop fêst, it hong los oer de blauwe trui, hwer't ek gatten yn sieten. Syn troanje, oars net üntsjep, mar fen syn noartske eagen en müle alhiel sünder dy fleurich-soune trekken en kleur dy't jonges fen sauntjin, achttjin oars ha kinne, gyng alhiel bisküle ünder de ranne fen syn öfdroegen filthoed, dy't er alhiel op 'e eagen hie, — it wylde donkere hier kaem ünder de hoed wei en siet him sleau om 'e holle.

Men koe it him oansjen, det er in bult buten wier en det er him der alhiel net oan steurde eft er der kreas en himmel ütseach, sa as de jonges üt de bürren.

Dizze jonge wier Broar fen Sytse en Auk.

De rook fen hageblossoms hong yn'e loft en oeral blonken mids it moaiste grien de blommekleuren yn 't waerme ljocht fen de Maitiidsinne ; it wier sa'n dei as allinne de Maeijemoanne jaen kin, sa fol fen ljocht en goud en blau, sa fol ünthjitting op de simmer, — hwennear alles, hwet nou groeit en bloeit en altyd moaijer wirdt, folwoechsen stean scil yn yet greater weelde. It wier sa'n moarn, hwennear men mei mylde hope troch it fjild giet en stil-bliid hwet moais forwachtet, eat det hiel moai is, yn wezen krekt as de jonge bloeijende

Sluiten