Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wrald om yen hinne mei it blau fen de loft dêrboppe, en it goudene ljocht troch de beammen.

Broar like fen al det moais net folie to sjên, hy laei dêr mar yn 't gêrs en seach stoef for him üt, hwêr in skiep det oan 'e line siet, op 'e knibbels laei en fen de jonge hageblêdden friet.

Dêr ynienen klonk in hSntsjeklappen üt de doar fen 't foarhüs, „tsoe hinnen, tsoe" röp Auk en jage in mannich kipen nei büten, dy't hird rinnend mei de wjukken wiid-üt as scoenen hja fleane, in hinnekommen sochtea op it hiem.

Broar draeide de holle oerside en seach syn mem yn de doar stean ; „soa, leist dêr wer", röp hja, „forstek det skiep mar ris, den hast hwet to dwaen." „Kin dalik wol," sei Broar en hy gyng wer maklik lizzen.

Efkes bleau Auk stean, mar do gyng hja op it skiep ta, — „hwet is 't hwet, sa'n greate jonge, dy leit der mar op 'e hüd mei sok waer en den ek noch altyd dwersbongelje."

Mar do't Auk cmtrint oan him ta wier, seach Broar hjar oan en sprong hird oerein, liniger as det men fen him forwachtsje scoe en seihastich: „bliuw der mar! ik scil wol."

Auk praette noch hwet binnenmülsk, wylst Broar it spit ütloek en 't skiep meihoartte ; in ein fierder stiek er it wer yn de groun en sette de klomp derop.

Hy die de hénnen yn 'e büse, helle sa de broek hwet op en seach do om him hinne nei de Mar üt, hwêr efter de poellen de sinne op it wetter glanzge. Yn ienen draeide er him om en sei tsjin syn mem : „ik gean mei de skou foart, hear! jow my mar in stik brea mei."

„'k Ha it iten noch lang net ré", andere Auk, „ast net thüs biste, waermje ik wol hwet for dy op."

„Ek goed," sei Broar en hy gyng foart.

Auk seach him nei en al ho'n noed hja hie, as Broar sims hiele dagen fen hüs wier op 'e Mar, hja doarst him hast net iens mear sizze om goed op to passen, hwent den wier it altyd: „och hwet scoe it, mem is altyd like binaud," en den koed er hjar ütlaitsje oer hjar bangens, sa't hy it den neamde.

Auk gyng wer yn 't foarhüs en sette hwet rommel oan 'e kant; suchtsjend skammelle hja dêr roun, hwent it gean foei hjar swier.

Dêr röp in heas manljue's lüd: „Auk bist der ? Hja die

Sluiten