Geen zoekvraag opgegeven

Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„tn as ik den wer thus kom, sei er.

„Den kinst wol wer fiskje," andere Sytse, „mar dou sjuchst dochs ek wol, det it sa net langer kin."

v'k Wit net," sei Broar en stadich trape er nei de tafel ta, mar do't er dêr wier, gyng er nei de doar.

Sytse laei wer efteroer en hie de eagen ticht; Auk siet stil op hjar stoel, mei de hannen yn 'e skoat en seach Broar nei, dy't al yn 'e doar stie. Hja seach him noartsk oan en dochs hast smeekjend. Ynienen kaem hy in stap tobek en sei: „nou goed den, ankomme tiisdei gean 'k mei de boat nei Snits."

Do flapte er de doar ta en trape mei de hannen yn 'e büse it hiem oer en gyng it fjild yn.

De joun wier kommen; it grille ljocht fen de dei wier forbloeid yn in teare reade gl^ns lyk as de sinne jouns oer de fjilden leit, dy't den stil to drógjen lizze yn it léste ljocht.

Fen de Mar kaem hoarich en klear it lüd fen in skipper dy't yn de waring lans klompte ; de kikkerts krollen hjar ienteanich liet yn de poellen en yn in beamboskje siet in klyster to kwelen ; fol en weak klonken syn klanken oer de heide.

Broar roun mar foart en doarme in hiel set om, sünder to sjen hwet er lcins roun.

Do't er ticht by hüs wier, röpen de uien en hiel üt de fierte kaem noch it lüd fen de kikkerts. 't Wier nacht wirden, sa lang hie hy foart west; om iten hied er net tocht, mar do't Auk de panne mei opwaerme ierpels foar him op 'e tafel sette, iet er de panne leech en gyng do sünder in bult wirden op bêd.

Sliepe koed er net, hwent hy hie sein do't er by heit foar it bêd stie, det er yn 'e üngetiid gean scoe, dos foart üt it frije libben en by frjemden.

Al mar walle it yn him op, det er it seis sein hie en tobek koed er net, det wier him to lyts, mar hy biskildige himsels det er, sünder tsjin to akseljen, to mak heit syn sin dien hie.

En al kaem der sims in gefoel det him sei, det er goed die as er in skoft foart gyng om jild to fortsjinjen, it witten, det er den salang ünder de plak stean moast, yn 't span mei oaren, det jage dy goede tinzen wer foart en hy seach der o sa tsjin op det er mei de boat gean scoe en det syn skou en gewear en learzens thüs bliuwe scoenen.

Sluiten