Geen zoekvraag opgegeven

Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Mar do't er yn ienen tocht det seis wike net lang dfirren en det er den wer gean koe dêr't er woe, do waerd er rêstiger en sliepte einlings yn.

II.

Ut de Walden wei iarre inkelde stomboaten op Snits; 't is in fiere reis en f'ral yn de hjerst is 't gjin plesierfarren, mar döch wirdt der den sims goed mei fortsjinne, hwent den komme se werom mei de boat öfladen fen keallen: dy wirde to Snits forhannele en geane den wer nei de Waldmerken ta.

Yn de Maitiid geane keppels üngetiders en mieren tiisdeitonachts op de boat nei Snits om dêr in boer to finen.

Broar wier ek yn de iere moarn fen de Marsheide gien nei de bürren; dêr wier er oan board stapt, en al wiemen der forskate fen it folk, dy't frjemd opseagen do't er mei de blaupüde op 'e rêch by hjarren kaem, it niget wier der gau öf en neidet se efkes mei elkoar smoesden en efter Broar syn rêch wirden seinen as: „det wirdt neat mei dy jonge, ommers neat leard", en: „dy komt gau werom", waerd der net folie mear om him tocht; hy siet foar op it wetterfet to sjen nei it lan en it wetter.

De moarns do't er fen hus gyng, do hie it him west, as hie syn wente nea sa moai dêr stien op it griene pöltsje ; — syn mem stie yn 'e doar en it skiep en de geiten sieten oan 'e line en frieten drok fen it gers det noch wiet wier fen dauwe, — by it rüchskerntsje klaude in klok mei piken en yn 'e fierte glied it earste sinneljocht op de Mar en oer de poellen. En do't er det seach, do hied er tsjin alles yn weromgean wollen en sizze : „ik gean net foart, ik kin net. Nea hie det frije fjild him moaijer talike, en mear noege om roun to swalkjen hwer't er woe, om de hiele dei frij to wêzen en oars neat to sjen as grien en loft en wetter. Mar mem seach him stean en hja róp: „dou moastnounet ommale, de boat wachtet dy net."

Broar waerd ynienen stymsk en scoe hast de püde delsmite en weromgean, mar hy bitocht him en nei't er noch ienkear de eagen gean liet oer syn wrald, dy't er nou misse scoe, röp er: „nou, moarn den!"

Sluiten