Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Rêd roun er foart, noch ienkear seach er om ; do wier er efter de beamkes en neat koed er mear sjen, as bou en greide en foar him üt de bürren.

Det ein sSnwei yn 'e stille moarn, it like Broar sa frjemd alles : hwennear scoed er der wer komme ? Forskate plakken dêr't er wol oer de sleat sprong wier, ef yn de wal lein hie, foelen him yn en sims bleau er stean om dêr nei to sjen —, mar den waerd er wer kjel fen it tinken : de boat wachtet net. En as er den wer in ein roun hie, den tocht er: hwet is it stil en frjemd. Mar om werom to gean, det foei him net yn, it stie nou fêst by him, det er for in set foart scoe en dêrom wier it allegearre sa nuver. Salang it noch gjin Tiisdei wier, hied er roundwaeld en ek hast de hyltiden hied er deroan tocht det er foart scoe, mar do wier it noch fier, det skieden fen syn frij libben en det gean nei de frjemdte en wiken oanien arbeidzjen by in oar, hwet net ien Marsheidtsjer koe. Do wier der altyd in hope yn him, det er net foart hoegde, mar ho't det koe, det ealge er net. Nou wier it den sa kommen: hy hie in fêst doel hwet him sa komselden barde, hwent altyd roun er oars mar hwer't syn frij sin him hinne loek. Broar seach net mear om him hinne, hy roun mei de holle foardel de dyk lans en hy wist seis net hwêr er oan tochte.

De boat fear foart en Broar siet foar by it wetterfet to sjen nei de wallen fen de feart, hwer de gersen en reiden yn it wetter bügden as de boat dêr foarbykaem. It fé wier yn de yesters, hwer it molken waerd en de bussen op de karren glommen yn de sinne.

It beamgüd fen de bürren gyng al fierder en fierder efterüt, op 't lést koe hy de toer mar alhnne mear sjen en in inkeld dak fen in greate pleats. En as de boat draeide den seach Broar ek in oare kant üt: hy hcildde it gesichtnei it plak, dêr't er weikommen wier.

As immen dy't heal yn 'e dodze moaije dingen dreamt, mar troch de dream hinne wit det it gjin wirkelikens is, sa seach Broar om him hinne de bloeijende maitiidsfjilden, dêr't hja trochfearen. Tichte by de stêd gyng er nei it oare folk ta en koft in küm kofje fen de hofmaster; hy formanne him en woe dwaen as in greaten-ien, mar it slagge him net om gewoane antwirden to krijen as er hwet frege oer de skipper ef de stêd: hy fielde düdlik det net ien him

Sluiten