Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

joun by de greate pleats, hiel oars to wirden, as lyk it him oars altiden foarkommen wier.

Do't er de jouns nei it jounmiel yn it foarhüs, allinne hwet omtrape op it hiem, do seach er for it earst ho'n great gebou dêr stie, hwet in lange koumürre en hwet in heech dak ; en den dy steatlike foarhuzinge mei de wytferve finsters, det like de jonge fen de Marsheide, dêr't oars net stienen as lytse wentsjes, sa ryk ta, — ho moai scoe it dêrfoar yn de keamers wol wêze, tocht him, hwet in moai hüsrie scoe dêr wol yn stean.

Hy dróge sa foart en ynienen seach er wer syn eigen wente sa as er dêr fen 'e moarn weigien wier, — syn lytse wente en derêfter de fiere fjilden en de Mar.

Dêr die Broar syn eagen wiid iepen en seach nei it iene finster; twisken de gerdinen stie in jongfaem, in famke hast noch en dy seach nei him.

Broar stie stom stil, hwent it wier krekt as wier üt syn dreamen oan de Marsheide, oan de glanzgjende heide en it blinkende wetter, det stille wite famke dêr kommen to stean. Ut it fine blanke antlit seagen hjar greate eagen him oan, wylst hjar earm it gerdyn oerside hold. En hy stoarre nei hjar, as wier er bang det hja dalik der wei gean scoe en det der foar him neat bleau as it finster mei de gerdinen der efter. Sa kaem it ek, om de lippen fen it famke kaem in glimke, stadich liet hja it gerdyn los en stoep tobek.

Do skeat it Broar yn det it gjin dream wier, det er hjir üngetiidzje scoe en det er der wit-ho-lang stien hie to sjen nei det bern, det grif de dochter wier fen de boer.

Mar noch moast hy sjen nei it finster, hwerefter de gerdinen ticht bleauwen krekt as de oaren, en do't er al yn it gol laei op it hea, seach er noch mei de eagen ticht, ho moai en fyn det famke wier.

III.

Al in goed wike wier Broar op de pleats en fen moarns ier ta^ jouns let wier er mei yn 't fjild en hy arbeide tsjin de béste. Fen ien fen de oaren hie de boer al heard, üt hwet oarde Broar kaem en fen hwet soarte folk hy wier.

Der wier him al forteld ho't dy ljue oan de kost kamen,

Sluiten