Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

ef ljeaver det net ien wist, ho't se hjar brea fortsjinnen, en hy hie al tocht, det de jonge net lang bliuwe scoe om't dy nea leard hie yn 't span to stean.

Mar de stroper, — sa't de boer him yn 'e hüs al neamd hie —, die stil syn wirk en bisocht alhiel net om de kantsjes der öf to rinnen. As de boer him hwet sei, woed er it skoan oannimme; op in sneintomoarn, do't de boer mei syn frou en dochter yn 'e keamer sieten, sei er tsjin hjar:

„Dy jonge üt de Walden, det sa'n echte wylden wêze moast, dy fait my hündert parten mei."

„Det sei'k jo al", sei syn frou, „hy scil wol in frjemde oplieding hawn ha, mar al faker as ienkear ha'k nei him sjoen, as er mei it folk sit to iten ; hy is bang leau'k det er onfetsoenlik is en fensels, fetsoen hat er noait leard."

„Jister ek noch," forfette hja, „do pleage de lytsfaem him, do koe'k suver sjen det er net wiste, hwet er sizze moast om him derüt to rédden, en hy krige in kaem do't de oaren laken om hwet er werom sei."

„Ja," sei de boer, ,,'t is net in slimme jonge, mar hy is frjemd opbrocht, det kin min oan alles witte."

Broar hie dy moarns tédronken mei de boaden en wier do nei tsjerke gien ; ien fen de feinten hie him meinommen ; üt himsels hied er der nea hinne doaren.

De oare üngetiders hienen de snjeontojouns sjoen det se in fyts krigen en wiemen nou nei hüs ; Broar koe net fytse en bleau sadwaende allinne fen hjarren op de pleats. —

Lang hied er syn maten neisjoen op 'e dyk do't hja foartrieden, krekt sa lang det se weiwaerden yn 'e fierte mids de oare fytsers. Hy wier der ünwennich fen, allinne as frjemde op 'e pleats; de boaden forklaeiden hjar en teagen nei it doarp. Net ien fen de beide feinten frege eft er mei woe, en do roun er allinne it fjild yn en doarme sa lang om, det de joun kaem en de dauwe boppe de sleatten hong.

De wjerlamkes bietteren yn 'e loft en in lette ljip sloech noch oer de wjuk. Oars wier 'tsa stil en de fjilden spraetten sa wazige fier; Broar hong tsjin in hikke oan en droge ho hiel oars syn libben nou wirden wier. Hy mocht hjir wol wêze en forlange net iens bot om by de Mar om to swalkjen; wol stie syn hüske him klear foar en hy tocht: ho scoe 't mei heit wêze en hwet scoe mem dwaen.

Do't er op it hiem kaem fen de pleats bleau er wer stean

Sluiten