Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

en harke nei de stiltme dy't hong om il greate hüs, dy Snjeontojouns stiltme, dy't sa hiel oars is as oare jounen, sa fol rêst en wijinge, det men mear goede tinzen hat as ornaris.

En Broar fielde him net ünwennich mear om't er allinne as frjemde op 'e pleats bleau ; in stille blidens kaem oer him en rêstich en moai wierne syn tinzen oan hüs, — nou seach er det er goed dien hie mei fen hüs to gean, om't it libben fen syn alden dêrfen makliker wirde koe. Hy wier stil-bliid yn de sêfte joun, mar dochs kaem for in setsje de langst yn him op om nou by syn alden to wêzen: hy scoe hjar den frjeonlike wirden sizze.

Sa stie er to drögjen en tocht deroan det it de oare deis Snein wier, in lange dei sünder arbeidzjen, en al koed er him nei in beuzige dei tofreden tinke, dochs like de frije Snein him moai ta, — hwet er dwaen scoe wist er net, mar det de tiid lang falie scoe der wier er wis fen.

Hy siet op in lege haiwein flak efter 't hüs en droge oer de wyt-bidauwe fjilden, oant er him stadichwei opjoech en lustere nei in sêfte mezyk; yn ienen tocht er oan de jounen as er efter 't reid by de Mar stien hie, — den koene fen in boat yn it soal, dy't mei potfortarders foart west hie, ek sokke sêfte fiere lüden fen sjongen en spyljen oandriuwen komme oer de stille simmerjounsmar.

Sa klonk it nou ek en Broar seach om him hinne hwer it wei kaem; hy liet him op 'e groun sakje en gyngsunich by de skürreside lSns, hwent it kaem foar by de pleats wei, — hy trape stiltsjes troch it gers, as wier er bang it lüd to forbaljen det nou al düdliker en klearder troch de joun klonk, mar det troch suverens en tearens by de harmonije fen de stiltme like to hearren.

Noch wist er net hwa't dêr spile, mar do't er oan de foarhüshage ta wier, seach er oer de blomparken hinne foar it opskoud finster it selde famke, det er de earste joun sjoen hie, for de piane sitten.

Hja siet mei de holle hwet efteroer en seach omheech troch de glêzen, mar hjar fine hantsjes en fingers fleagen rêd en fluch oer it spylark. Broar koe de wizen net dy't hja spile, mar moaijer mezyk hied er nea heard; as in wünder-frjemde wolken drea-uwen dy klanken om en oer him, — sêft sims as de rook fen tüzen blommen, den wer

Sluiten