Geen zoekvraag opgegeven

Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

lüder en hirder, mar altyd sa frjemd en tear det er wol güle koe. En do't er oars neat mear seach as in ljocht plak troch it finsier en ek einlings det wei waerd, omdet it al hast nacht wier en it famke net mear spile, do stie Broar noch yn de hage to sjen nei it stille wite finster; hy suchte djip en miende det er dreamde.

Op de taest wei gyng er yn de skürre en liet him falie op syn leger. —

De Sneintomoarns do't de feint him frege eft er mei woe nei tsjerke, do gyng er mei om't er wiste det dêr ek spile waerd.

De feinten en de fammen fen de pleats dy't ünder elkoar altyd grapjagen en wille hienen, namen Broar der op hjar manear wol ris twisken, mar dêr gyng de aerdichheid fen öf, hwent syn bleuens fen earst wier der net mear. Hy koe dyselde dy't him hwet sei, sa nuver oansjen det hja net mear laken ; f'ral de beide fammen seinen : „hwet kin hy yen frjemd oansjen —, 't is in nuvere stille jongen, me grounet him noait."

Yn tsjerke seach de feint him nou en den oan, hwent hy siet stiif en stil en like dochs neat to hearren.

De tiid gyng fierder, mar Broar fornaem it net, hy arbeide kloek mids de oaren, dy't yn him seagen in stille jonge, miskien sa stil wirden om't er altiden tocht oan syn frij libben yn it wylde lan thüs.

Mardetwiersanet, hwentdo't de boer him op in oare snjeontojoun do't syn maten foartteagen nei hüs, frege „Scoene jy ek net ris nei hüs wolle in snein?", do sei er: „Né boer, ik bliuw hjir ljeaver."

Dy koe it him net bigripe det immen sa'n bytsje langst nei hushie, en hy sei tsjin syn frou : „hy hat thüs fensels net folie hael, oars scoed er dochs wol ris de reis dêrfor meitsje."

De frou bigriep it ek net, mar hja sei: „hy moat Sneins mar by üs oan tafel ite en drinke, hwa wit hwet hüshalding it by him thüs is."

„As er det mar wol", andere de boer.

Op in joun det it wirk oan kant wier, it wier al let en skimerich, stie Broar wer efter de hage en seach nei it finster, — in hiel skoft.

Do kaem it famke it paed lans kuijerjen om de blommen

Sluiten