Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

thüs kaem en Auk al Üngerêst wirden wier, om't er sa lang bleau, sei er: „moarn moat ik der om trije ure al wer üt, ik help in skipper mei flotsjen, de Heide-wyk yn."

Op in oare kear kaem er thüs fen de Mar en sei: „Japik JSns dy't by de Unwaerspölle oan 't lossen is, hat frege eft ik in reis-twa-trije mei him dwaen wol nei de terp: syn feint is fen board." Broar bleau in fjirtjin dagen as skippersfeint by Japik, do kaem er wer thüs.

Sytse en Auk hienen it rommer as hja it yn tiden net hawn hienen; hwet Broar fortsjinne brocht er thüs, hy fordie neat.

En do't de tiid kaem, det der hwet hea woun wirde moast op de stringen en pollen, do meande er en swile en brocht it thüs en sei: „scoenen wy genöch ha, heit ?"

„As wy noch in skiep koften", seinen Sytse en Auk en hja seagen Broar oan, „safolle jild is der nou wol."

„Goed", sei Broar, „yn de Swarte Poel mocht ik noch wol in pear stringen meane, hat de nijboer fen de Geastpleats sein."

Broar die ek it wirk op it hoekje bou en do't it safier wier, tepte er de beantsjes en dolde de ierappels en birêdde al|eS

Yn de twiskentiden gyng er wer de Mar op en nea hied er safolle fongen as nou.

Sytse en Auk hienen it fleuriger as ea fen to foaren en hja seinen : „as wy de jonge net hienen, den koenen wy üs net redde."

Sytse knapte wer hwet op en praette mei Broar oer in geskikt skiep üt de kinde, det er keapje scoe.

Hwet Broar seis oangyng, hy wiste net hwet der foroare wier, ek net ho't er fen to foaren der noait sin oan hawn hie om sa as nou warber to wêzen.

Sims krige hy der noch wol sin oan, om mei 't boat foart en oan 't swalkjen to gean oer 't wetter, mar hiele dagen die er det net mear, hwent der wier hast altyd hwet, det er dwaen moast thüs, sa't er miende, en den bigoun er dêr mei en hie foldwaning fen it wirk.

Op syn swalktochten oan de wylde Marskaint, hwennear hy sims sünder doel foartskoude ef by in pölle oanlei en den ünder de boskjes him deljoech, dêr like er hast deselde Broar fen alear, dy't sünder doel rounswalke en libbe fen

Sluiten