Geen zoekvraag opgegeven

Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

de iene dei yn 'e oare, mar dochs wier er hiel oars.

Hwent salang as er nearne oars west hie as op de Marsheide en op 'e Mar, hied er neat hwer er oan tocht, as oan hwet dêr libbe yn 't wyld om him hinne; it kaem hast net yn him op om to tinken hwer hy fen libje moast, itgyngthüs hast fensels. Mem krimmenearre in bult en heit suchte, mar as Broar sin oan iten hie, wier der altyd wol hwet; fierder tocht er net folie. Hy libbe mei syn fjild, poellen en Mar en om hwet oars tocht er net.

Nou wier det oars. As er thüs oan 't wirk wier den hied er alle tinzen dêrby en tocht: „as ik det nou sa doch en det sa, en as ik den takomme maitiid sa doch, den komt der mear fen."

Den praette hy dêr yn 'e hüs fen, oer in greater plak bou en noch mear skiep.

Sytse en Auk praetten en ornearren mei; op 'e Marsheide waerd arbeide en ütrekkene sa goed as dy ljue kinne en yn 'e hüs waerd it himmelder.

Mar as Broar thüs neat to dwaen foun en mei it boat der op üt gyng, den tocht er oan de foarsimmer, oan it skoft det er foart west hie as oan in einleas lange tiid, hweryn hy dreamd hie earst, dreamd fen frjemde moaije dingen, frjemd as dingen dy't men heart hiel yn 'e fierte en hwerfen men oars net wit, as det se fier öf binne en net oan to kommen.

Lang like him dy tiid, om't er safolle oars sjoen hie as fen to foaren en ek om't letter, ynienen, detselde kaem, det him oandie as hied er nea sa üngelokkich weSt, om't it him op in stuit sjen liet, det er wier in dreamer en det er, om't er it libben net koe, fen it earste bigjin dêrfen him in mearke makke hie.

As Broar op in pölle lei, yn 't lange gêrs ünder de wylgeboskjes en hy stoarre omheech yn it blau hwer't wite gazen wolkjes fearen nei de onbistimde fierte, den koed er him wer yntinke it leed, det er field hie by it wekker wirden üt syn dream; mar as er den letter wer yn it boat wier en, hwer er eartiids nea oan tocht, bliid wier om alles hwet er om him hinne seach en him de wirden fen Master op skoalle yn 't sin skeaten, dy't learde, det God de Natür makke hie, en det elts minske tankber wêze moast dy't mei soune lea buten it moaije seach, — den wier Broar hast

Sluiten