Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

De Sanwyk roun him dea by it spil fen Ate Roels en Broar hie fen Ate frij om de wyk öf to skeakeljen, dêr'tde boer neat for hawwe woe. „Aste goed fangste", hied er de leste kear tsjin Broar sein, „den kinst wol in soadtsje brieders bringe".

Broar fiske de wyk öf yn tvva setten en beide kearen hied er safolle yn 't net, det er it beun hast fol krige. „Kom , tocht er, „ik scil mar in fiks soad nei de pleats bringe, it

kin nou lije". . .

Broar naem syn skepnet en die der in tweintich fen de moaijste foarnen yn, — do loek er it boat in ein op e wal üt en trape op 'e pleats oan.

't Wier middei en sa as der hjerstmis gjin droktme is as allinne it fé to birêdden, sa skrepten in pear arbeiders op de telle om mei hwet sied, det nei de mounle moast.

Broar seach yn 'e skürre op, mar gyng do by de reedsmürre lans nei de syddoar by it bjinstap. Hy gyng yn it

foarhüs en röp folk. *

Ate Roels kaem seis fen foaren en do t dy Broer stean

seach mei de fisk, sei er:

„Jonge bistou der, Broar? ik hie al sjoen detste de wyk

öffi'skeste; kaem der hwet üt?

Liz de fisk der mar del en praet in pypfol, wy scoenen

krekt hwet té ha".

Broar praette earst al fen gau-wer-foart-moatten en sa, mar de boer sei: „kom, kom, as der nou net iens tiid oersiit om hwet rêstich to praten, den kin it noait, kom mar gau mei nei foaren". Broar lei der ek net mear tsjin yn en folge de boer nei de greate alderwetske keamer, dyt mei twa ramten fen lytse rütsjes ütseach oer de greide.

Ate Roels naem in stoel for it bêdsket wei en sette dy ticht by de kachel; „gean der mar sitten, 't is better by de

kachel as buten".

„Dei", sei Broar tsjin de boer syn dochter, dy t allinne yn

'e greate keamer siet.

Dei" andere hja en seach efkes op fen hjar naeijen; do" lei se det op 'e tafel en sette noch in reauke op. Ho giet it mei jim heit?" frege de boer.

„Och", sei Broar, „det is noch net folie, hy is al wer op foetten, mar hy moat him sa to wacht nimme .

„Ja, hy hat nea net sa sterk west, en men kin it him ek wol oansjen, det er net alles ütstean kin .

Sluiten