Geen zoekvraag opgegeven

Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

bytsje greatsk hast, det er tédronken hie by de boer en lm op de Sanwykspleats.

De hjerst en winter gyngen foarby, op de Marsheide wier de stilte en ienlikens fen it fjild ; keal en neaken en griis leit alles der den hinne, sünder in frisse kleare kleur. Mar yn de hüs is it den sellich, as it boerefolk jouns om de kachel sitte en nei elkoar geane to jounpraten. Haechlik fielt it den, as de wyn op de skoarstien bolderet en yn skoerren om it hüs guit.

As it bigjint to friezen en it sterk iis wirdt, den is de stille rêst in skoft foart, hwent it jongfolk hat den gjin dür thüs en moat alle dagen de redens ünder ha. For hwa't soun is en jong en fleurich, is it libben den alle dagen Snein, hwent op it iis under de winterblauwe loft is in soarte fen Maitiid, dy't it jongfolk trochlibbet mei sjongen en frijen en bliid-wêzen. Noait is de omgong twisken it jongfolk frijer en lokkiger dan op it iis, den ride boere- en boargers- en arbeidersbern mei elkoar, hast krekt as do't se meielkoar yn 'e burren op skoalle gyngen. As 't sterk iis is, komt for it jongfolk deselde frije omgong as op skoalle werom.

Mar it is sa'n bytsje sterk iis langer, en as de alden oan it fortellen reitsje oer de winters ut hjar jonkheid, den tinkt de jongerein, sokke winters ha wy net mear.

Sa wier it dizze winter ek, it frear hwet, en der foei hwet snie, mar sterk waerd it iis net; de skoalbern rieden in pear middeis en ho't it jongfolk ek ütseach nei in igale fikse froast, dy kaem net: it bleau in kwakkelboel.

De hjerst en winter gyngen foarby as in lange rige dage fen kjeld en wiette en hirde wyn ; sims hong der in mist boppe de trochweakke ierde en naem buten it léste bytsje klearens wei, mar altyd, al wier der ek hast alhiel gjin wyn, — altyd rüze de Mar.

Do't it hwet froastich wier, gyng Broar de poellen yn om de otter dy't der tahaldde machtich tu wirden, ef hy gyng mei de houn de hege lannen oer en jage op mirden.

Mar do't nei Nijjier al in inkelde dei kaem dy't wytge fen de Maitiid, do wier er op it hiem yn de skrep, — in fiks stik heide woelde er en makke er sljucht en donge er, en ek it plakje bou brocht er yn oarder.

Letter, do't de fügels werkwamen en for de gevel efter

Sluiten