Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

de hagen de liderkes bloeiden, teach Broar mei pols en learzens it fjild yn om ljipaeijen.

Hy hie it drok, hwent hy sjoude net sa as oars hiele dagen om, mar gyng allinne op geskikte tiden foart en arbeide de oare tiid thüs om hüs hinne.

Hiel inkeld kaem er op de Sanwykspleats en Ate Koels hie al in kearmannich by it heidehüske west en ried jown.

Sytse wier safolle opknapt, det er ek hwet licht wirk dwaen koe en do't Broar en hy it spil yn de bou hienen en'Broar wer oer de klaei gyng, haldden Sytse en Auk de boel skjin; it wier hjarren hast tofolle mans, mar it gyng mei nocht, sünder det se der seis oan tochten hast. Hja mienden al hiele boeren to wêzen en do't Broar op in Snjeontojoun for de Snein thüs kaem en hy mei Sytse de oare moarns foardet se nei tsjerke gyngen, de foergen lans kuijere en hja togearre de fruchten biwünderen, do kaem oer beiden in sêfte fieling fen tankbrens, dy t se nea field hienen.

„As wy hwet lokkich binne mei it waer en sa, den wirdt it fen 't hjerst goed, heit," sei Broar.

Sytse seach syn soan oan, dy't great en flink mids de fruchten stie en in bytsje skrutel hast sei er: „Ja, it liket skoan, mar witste hwet mem en ik fen e wike tsjin elkoar sein ha ?"

„Nou?" sei Broar.

„Det wy it net earder sa oanpakt ha, sei Sytse, „dot

mem en ik jong wierne."

Nei tsjerktiid sieten heit en mem en soan sellich yn it nearzige keammerke, det fol wier fen sinne; de klimmerblêdden weegden for it gevelfinster, yn de parkjes bloeiden de daeljes en plümlewierkes, de griene hage siet fol ten wite blomtufen en yn it beamte songen de fugels sa as alle Maitiden hjar liet fen jong moai libben, det in jong minske in ünthjit jowt op in ljochte simmer, mar det ek oan güds dy't al jierren oanien de Maitiid kommen sjoen ha, altyd wer op nij hope jowt en blidens.

Sytse en Broar hienen beide in segear oan en lieten de blauwe reek opkringelje yn 'e ljochte keamer; Auk siet op 'e stoel mei de hannen yn de skoat en paste op ynjitten.

Hia fielde hjar noflik, glimkjend seach se om hjar hinne en hie der mear nocht oan det de keamer kreas en opredden wier, as ea fen to foaren.

Sluiten