Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Broar wier it, as seach er alle kearen better, ho moai lm wier, mar dy eagen wierne for him it aldermoaiste ; as hy op de pleats wier yn de greate keamer, dy't him ljeaf waerd om» de hüslikens dy't hy dêr fielde, wylst büten it gülen fen de wyn en it rüzjen fen de Mar troch de loft gyng, den wier it him simstiden, as fortelde dy sêfte gl&ns yn hjar eagen him wit ho folie moais, den wier it him as ljochte dêrüt him de Maeitiid tomjitte, de Maeitiid dy't folge waerd fen in greate moaije simmer. ^

Mar Broar wier in Fries en dy binne ynbannich, hjar djipste fielen kinne se net samar ütsizze en dêrfen wirdt it bulte stil-leed lit, in bulte moais bliuwt djip yn 't moed sünder det it ütsein wirdt en den opbloeit ta in libbenslok

fen twa minsken.

Ja, Broar wier ynbannich, mar al hied er det net west, den hied er noch wol witten det lm in boeredochter wier en hy in Marsheidtsjer, — ien fen in fremd soarte folk.

En sa kaem in nije Maitiid ; Broar hie it drok en kaem hast net mear op de pleats, en mocht er den al in boadskip meitsje, den wierne it dochs net mear dy jounen fen de winter. En nea noch hienen lm en Broar mei oare as gewoane wirden tsjin elkoar praet, hast noait togearre west.

Mar al wierne dy skoftsjes, hweryn it Broar wier, det hy en lm byelkoar hearden, foarby, al wist er wol det lm in eigenerfde boeredochter wier, doch bleau der hwet djip yn him det him sei: „it moaije kin komme", en Broar libbe yn det ünthjitten rêstich fierder.

En altyd wierne syn tinzen oer lm moai en goed.

V.

Nearne is 't Maitiids sa moai as dêr, hwer by de Mar de mieden tsjin de heide oanrinne en efter de toarre bulterige heide de hege lannen lizze, bou en greide mei beammen en boskjes deromhinne. Dêr ha de doarpen lytse bürrentsjes en büten üt binne de fleurige boerestreken, alde en nije pleatsen en pleatskes der by. En by de sanreden en leantsjes steane ek pleatsen, en arbeidershüskes mei bloeijende parrebeammen, mei skiep op de tün en blommen yn t finsterbank.

Dêr is 't gjin bou- ef greideklaei, gjin ieanstreek: ef wetterlan, dêr is de moaite fen hiel Fryslan, dêr is it „de Walden .

Sluiten