Geen zoekvraag opgegeven

Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

De boer seach hjar oan, mar lm forfette: „as ik hwet let thüs kom, hoecht heit net op my to wachtsjen, hwent ik kin wol mei Broar weromkomme."

Wer seach de boer hjar oan, mar lm sloech de eagen net del en nei't hja in setsje wachte, sei hja: „Ja heit, ik ha nou foun, hwet heit mulk mient hat det ik al lang krije kinnen hie, as ik mar ja sei; ik wit det ik net iorkeard

hannelje." . ,

De boer sei der neat tsjin, allinne sei er: „bern, bern, en do: „wit wol hwetste dochste fanke, dou biste myn iennichste; sa graech scoe 'k wolle detste in goede man krigeste en dêrom scil ik dy net tsjinkeare."

„Broar is in goede man," sei lm sêft.

„Ja," sei de boer, „det bitrou ik."

Do gyng lm foart en op de lette joun, do't de sinne great en read delsakke efter de beammen oer de Mar, do troffen lm en Broar eltsoar en sünder skrutenens gyngen hja togearre de ienlike wei troch de mieden, hwer t de hearook as in geurige hearlike loft om hjar weve.

Prate dienen hja net folie, — de joun wier sa stil en de fjilden sa fier.

Is der sêfter, mylder loft as in simmerjoun oer de mieden? Is der in tiid, det it herte fen jonge minsken mear fol wirdt fen ljeafde as hwennear de greate dei stoarn is en dêrüt opbloeit de lije stille simmernacht ? Yn de Maitiid polsket it bloed to fül en to hjit, mar yn de simmernacht fine de ljeafde-langjende herten dy't lang al wachten, elkoarren yn de moaijens fen hjar ljeafde.

En sa kaem it det lm en Broar op de healtsjustere leane de earmen om elkoar hinne sloegen, en hjar lippen for it

earst elkoar founen. ... .

Hja wierne net forwündere om't hja in boeredochter wier en hy in Marsheidtsjer, hja wierne lokkich. En do t Broar hjar moaije holle al in set tsjin him oan hie en hjar triljende siken oer syn antlit gyngen, do frege er noch wer: „wolst myn alles wêze fanke ? bin ik dyn ljeafste ? . .. lm ....^

„O jonge," sei hja, „ik ha al sa lang op dy wachte....

Lange jierren binne foarby gien. Faek hat de Maitiid de wrald wer jong makke, faek hat de hjerstwyn güld oer de

Sluiten