Geen zoekvraag opgegeven

Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Mar en de mieden en heide en it libben giet troch mei groeijen en bloeijen en stjerren.

En al wirdt der noch wol troch de iene-ef-d'oare forteld oan hwa't mar hearre wol, det se de jonge boer fen de Sanwykspleats noch kend ha, det er as jonge dy't nearne for opgroeide, rounswalke troch de poellen en det er in Marsheidtsjer is fen geboarte, — de greate wiere ljeafde dy't lm en Broar, de boer en boerinne fen Ate Roels syn pleats, byelkoar brocht hat, dy ljeafde dy bliuwt; dy is de sterke stipe yn hjar libben, hwermei hja ienriedich fierder geane.

En as Broar forhellet fen in mearke det er bilibbe hat, den seit lm : „Mearkes binne der ommers net ju, allinne mar for bern".

Sluiten