is toegevoegd aan je favorieten.

Fryslan

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

De seame fen in watd op in moarn yn Maeije. Foar, in blommegreide oprinnend nei de foarste beammen. De rümte twiske de stammen stiet fol mei tichte strewellen, op ien sté nei, dêr't heal öfditsen fen de nij bigriene twigen, in paed üt it wald ütrint op de greide.

In stimme sjongende yn it wald:

Myn herte is koel en suver Allyk in mar moarnsier; It fielt yn sêfte huver De dei syn krêft en tier.

It ljocht mei tüzen strielen Oerstreaket al syn wiid; O frjemd en noegjend fielen, O gouden Maeije-tiid!

In stimme klinkend fen lofts:

Hwa is hja, dy't sjongt yn it griene wfild fen de Maitiid?

In stimme anderjend fen rjuchts:

Fryslên, it langjende.

De stimme yn it wald sjongende:

Myn herte fielt to rizen It ünwearsteanber ljocht; De wyn yn kleare wizen Hat my de wytging brocht.

It stiet alhiel omringe Fen tsjoenend ljocht-igewiuw; It kin noch wol bitwinge Syn eigen djippe driuw.

In stimme klinkend fen lofts:

Hwa is hja, dy't sjongt yn it wide ljocht fen de Moarn?

5