is toegevoegd aan uw favorieten.

Kening Aldgillis

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

— 92 —

Heart goed en tsjoed fen d' ien ek d' oaren ta Us manljue scille fjuchtsje mank dyn folk, Us oersten plachtsje en stride nei dyn winsk, En ien doel scil üs stjüre yn frede en striid.' (tsjin Ebroïm)

Dü jow dy öf, wanskeep'ne! Siz dyn hear, Hy hat de kar fen frede en düble kriich, Hwent Inglan seit him hjoed mei Fryslan ien, En longret nei de striid tsjin 't earleas skaei.' En 'k ried, gean rêd ! Oars fynst gjin kening mear Prins Dagobert, de rjuchtlike op jim troan, Stiek mei syn float it skiedend séwiet oer, En foei mei tüz'nen feinten yn syn Ian, Dat rounom him bijüblet as syn hear!

Ebroïm :

Forflokt ! Prins Dagobert ! O, skrikbré slach i Jim hill'gen stean üs by ! Forflokt, forflokt... De prins werom ! O skoander ryk, myn jild De steatsskat dy't ik liet... O hel, forflokt

Aldgillis:

Wy tankje dy for hwetst üs folk ünthjitst. Lit my nei hill'ge wenst dy 't gastbod jaen En dy as bounmaet hildgje for it folk.

Arthur :

Hear kening, gin my yet in great forsiik.

Myn each hat oan dyn hof de frommens sjoen,

Net dy't yn wird, mar dy't yn dieden blinkt,

De wiere trou en ienfaids dimm'ne sier.

Mar moast ik gean, mear naem ik mei yn 't hert,

In glans dy't eltse stoune oertrilje scil,

In machtich langst dat oer myn dream en died

In gloede tsjoent as fen in oar bistean,

Sa great, sa sterk, dat ik mysels üntsink,

En libjend yn de rounten fen Gods ljocht,

Neat tinke kin yn 't herte as inkeld dit,

Det Gods meast hillich wünder ljeafde hjit

En 'k hjir, by dy, dat greatste wünder foun.

Yn grize pij woun ik myn libbensljocht.

Myn namme wier my frjemd, hja koe my net.

Dochs is, de jounen dat God's ingels sêft

De fjür'ge poarten sleaten for de nacht,

En alles amme yn silv'ren dreamichheit,

It teare wünder opljochte yn üs hert,

En 't brocht us eltse dei wer sillichheit,