is toegevoegd aan uw favorieten.

Gysbert Japicx wirken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Dy trije-in-tweyntigste1) PSALM E. 1. Yen Psalme Davids.

1.

Dy ljeave HEERE God mijn Haed2) mijn Hoeder.3) Ho kin 't my quae aef4) quelck? Hy 's salm' mijn

[njoeder.

5 2. Hy drieuwt, hy weydet my (: naet om forbett'ren:) Yn fiedsom grien, lanz swiet-rin-ferssche-wett'ren.

3. Hy macket mijn siel restlijck. Uwt genaden,

Laet m', om sijn Namme, lanz gerjuechtheyds paden.

2.

4. Ia schien ick moast Deads5) schaed-schril dol trog-

[wanderje

10 Schoe 'k6) naet trog eangst' klien-moedig laef7) for-

[anderje

Oermits Y binne mey my, trouwe hoede!

Jön8) herder-steaf,9) mijn treast, stjoert my to goede.

5. Y deckje my mijn Disch, jin 't nijdig pinckjen Mijns fijnn'-eag, dy 'thert-priemjendesjocht blinckjen.

3.

15 Mey djoere salv' habbe' Y mijn holle' oer-locht'ge,

Mijn Kroes, oer'ig, mey drippen swiet fol-focht'ge.

6. My folget naet az goe in goeheyt jiette,

Mijn libbens gong habbe' Y mey goe trog-swiette: In ijn Jon huwz sil ick, O ljeave HEERE! 20 Ney wjnsch in wad,10) ja ijvig11) bly, forkeere.

AMEN.

L: ') trye-in-tweyntigste 2) haed 3) hoeder. 4) oef 5) deads 6) 't 7) loef 8) Jon 9) herders-steaf, 10) wad, u) yvig 9