is toegevoegd aan uw favorieten.

Gysbert Japicx wirken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Schil ick wispelturige Fortune (galde hy) de ienigste ter wrad wezze, dy to in buwt-roave fen jön wreade plaeg-sjochtigheit tjienje schil moatte! moat ick, to in 475 foet-scheamele fen jon lichtfirdige greatheit, steez oon op 't hert trape wirde! in schil mijn uwnck in holp-reauwe aef klieuw-learde to jon op-bliesene gloarje in greatnammige heerlijckheit wezze! in iz 't naet noag dat Y my, to hier oon to, alle jinheitten, dear Y ae, heel 480 Ducalions teamme, mei hoffenje koene, allinne oppe hals lizze! om my ondere swierte fen jon red to onderdruwckjen, in de illindigste fenne wijde wrad to meitsene! so Y so bejearrig binne om jin mijn wolfert oon to kanttjen, in so Y quae binne dat Y my, de iene aef d'oore 485 tijd, ienige fornoeyinge to komme litten habbe, wierom fier Y jon grym-hiettene, yn ien aegenblijcke, naet uwt, in eingje myn libben, my op-offerjende oone wreadheit fenne [Percquen] Nead-schicksters: sonder my langsom to rae-braeckjen, fen lan to lan om-liedende, in tommel490 jende fen 't iene uwnck yn 't oore, allijck in schip sonder mest in sijl-arck, dat jins in weer, trogge onstommige wetter-waegen slingere wirt.

Doz-dienig wierne de klei-wirdden fen dy illindige Endimion, dy naet wist het Nicocles 'er mei foare hie, 495 nog wierom dat 'er him finzen set hie.

Cleonice kaem onder diz weer yn 't Palleize, al wer jae her lieavert naet sieande, nei him fornoam, sonder ienige sijckerheit dear fen to bekommen, want hy wier so gluwppen finzen, dat 'er nin gerofte fen mompele, in 500 dy him laet hiene wier 't om naet t'ypenbierjen, oppe hals forbean. Jae socht trog it hele Palleis, hinne in weer, dear-se tocht dat hy him bejuwn habbe moacht, in forsliet in hele dei, om ienige tynge fen him to fornimmen, eerse, ienige quea tinsen fen sijn genegentheit 505 fettje koe, mar da-se him naerne fuwn, begoese einlinge