is toegevoegd aan uw favorieten.

Gysbert Japicx wirken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

815 hymmel slaen, in 't hert djiep ynne ierde bedobbe habbe. Dy Wyz-siochtigert (Philosooph) sil wirdden-kauwelje fenne aerd in natuwre fen alle dingen, in sil him salm naet kinnen leere. Dy Genez-maestre sil oore heelje, mar blyn yn syn ein siochtme wezze: hy schil dy alder820 lytste foranringe yn ien oorz polze taestje, in dy baernende schod-siochtme fen syn siel naet fiele. De Schydnisse-schrieuwer schil de öarlöage fen Thebes in fen Troajen witte, in het ticht om him iz naet mierekje. Dy Riuecht-geleerde sil alle wrad wetten in kearren 825 jaen, mar him salm nin wetten sette kinne. Einlinge dy Goad-geleerde sil it maest-deel fenne tyd heel jamek fen 't gelöave sin-twistje kinne, mar sil fenne lieafde naet folie kattjen herekje wolle: Hy sil folie fen God petearje, in lyts bekomre wezze om syn neisten to holpjen. Al 830 dizze wittenschippen ribseckje 't forstan sonder eine, mar fornoeye t naet: Mar hoe m' er meer fen wit, hoe m' er meer fen bejearet to witten. Jae nimme dy onrestlycke sin-plachtjerye naet wei, dy de minsche yn him salme fielt: Jae genezze de sieacktme fen syn siele naet: Jae 835 meitssje de minsche haag-geleerd mar naet from: scherpsinnig mar naet wyz. Ja dat meer iz hoe m' er meer fen wit, ho me befynt dat er jiette folie meer fen byaefter, in to leeren iz. Hoe de gaest 'ir meer aef forfolle iz, hoe hy 'im leger befielt, oermidz al it jinge minsche 840 fen ienige kunste yn dizze wrad leere mei, jiette fier wei 't klienste dele iz fen 't jing' er jiette naet wit. Want al syn wittenheit leit yn 't bekennen fen syn on-wittenheite, in alle syn folmackentheit yn 't betjuwgjen fen syn on-folkommenheite: Fen waem socx bekend in oon845 mereke wirt dat iz yn wierheit in forstannig in folmacke man ondere minsche bern. Ynne soenme, wy moate, mei Salomon, to dizze stippe komme: Dat de freze Goads it oonfange in it eine fenne wittenheite iz. In dat dizze