is toegevoegd aan uw favorieten.

Gysbert Japicx wirken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wezze mei, dy schil mei swietigheite trog-huinnigge wezze: It lyen schil mei dy hóape drinst wirdde. De prieme fenne deade salme sil forstöarn wezze: Want dizze pjuecke 1265 iz naet az de aengstme: Ja 'k sil jiette meer sizze, hy schil it quea datme ynne deade freazjet, naet allinne forachtje: mar sil aeaeck tuwlckje mei alle ongelocken dear fore me yn 't libben so schrilljende be-aengstge iz, in schil om al dizze buwze-mannen laeitssje. Want het 1270 kin hy dogge freezje dy nei 't stearen höapjet? Wolme him uwt it Lan drieuwe? Hy wit dat hy aernze ien bettre Vader-lan het dearme him naet uwt jeye kin: In dat al dizze lanschippen naet oorz binne az herbergen dearme uwt schiede moat az 't de weerd beljeaft. Wolme 1275 him ynne finzenisse fytterje? Me kin him nin slimmer, fuwller, tjuestrer, onrestlycker in fortriettiger finzenisse jaen az sijn ein lichim. Ja wolme him deye in fen dizze wrad jeye? Dat iz 't jinge hy bejearet. ALt 't den trog fioer, trye daegen eef trye uwren to-giet, dear passet hy 1280 naet op. Want it iz him om 't selle, trog het portte dat hy uwt dit libben schaet, oermids syn dwaen altyd dien, in syn saeken ree binne: Wittende dat dy selle porte (wier trog hy uwt dit libben giet) ien yngong is fen ien lock-sillig yvig libben. Me kin him naet quea'er 1285 drygje az mei'e deade, in dat iz it dear hy 'im nei oonstellet: It queaste dat me him mei oon-dwaen iz dat me him stearren det, in dat iz 't jinge dear hy nei langjet. Dy dregeminten dear Lan-wriggen (Tyrannen) achtget hy for oon-laeitssjende belauwingen: de swirden fen syn 1290 fynne tjocht hy to sijn forndeele, want hy wit dat it dryggjen des deads oors naet is den onthiet des libbens, in dat dy aller-deadlycxte wuwnen in quetzuren him oors naet dwaen mogge den onstearlyck meitssje. Yn 't kirt, dy God frezet dy frezet dy deade naet, in dy 1295 fore deade naet aenget dy schrommet for nin ding yn