Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

bast om slücb fen to wirden. Nou dér is thé wer goed for en as men den hol fen thé wirdt, den is der wol iinmen, dy dér ried for hat, en sa rekken wy yn 'e sneltrein nei Luxemburg mei in lading swietekou. En yet segenje ik de Belgiske spoaren, hwent it siet der skoan en icuerm, sadet wy lis wiete klean suver alhiel opdroegje koenen en droecli yn Luxemburg oaukamen. Fensels siet der wer ien by üs yn 'e coupe, dy llollansk prate koe, mar hy wier in Switserske hynstekeapinan, dy folie yn Nederlan reisge. En do't liy er üt stapte, moast ik Fransk babbelje, hvvent dy't er oerbleau wier in Bels, dy't oars neat koe as Fransk en dèrmei nei China reizgje scoe.

Jy hawwe inkelde famyljes dy, as der ien feu lijarren nei Vierverlaten moat mei de trein, allegearre mei geane nei it station en mei büsdoeken en de hoed op in stok steane to swaeijen, salang lija de trein yet sjèn kinne, om den meiinoar tige bidrukt nei liüs to gean. 8a like 't hjir ek yn Brussel en ik tochte: hy scil by 't earste station wol ütstappe, mar né, hy bleau sitten, uren lang; hy biet ek al ris op'e tosken en men koe wol sjèn, det hy 't net rom hie. Dèrom bigoun ik in praetsje en do fortelde 'r my det hy allinne for trije jier nei China gyng, fensels omt dèr de büter hwet tsjokker smard waerd. Ik haw him tawinske, det er „heel" weromkomme mocht, mar folie fiducie ha 'k er net op: Chineezen dogge alles krekt oarsom as wy. —

Do't de trein fluite for Luxemburg, wier 't ketier foar alven en do't wy 'n minüt letter stilhaldden, wier 't ketier foar toalven ; dat foei in ure mei op dy lange reis, sadet wy do gau yn 'e wrine krüpten.

Sluiten