Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

de Pilatus koenen wy net op ornt it yet to ier yn 'e tiid wier en de „Zaimrad-balur" yet net ried, den mar op it liinne-ljedderke en mei de electrische tram nei de „Sonnenberg". Earst moasten wy in hiel ein ride troch strjitten en by villa's lans, den wer by in houtsagerij, dér de macliines trocli streamend wetter dreaim waerden en it wetter mei krêft üt it hüsbrüsde, efden wer in koumelkerij mei dy brün-reade Switserske kij en yn ienen: der kreaken de rédden fen 'e wein en stienen wy mei in lioart stil. „Umsteigen" sei de conducteur. En dér seagen wy de baen al lizzen: twa glédde izcren stangen en dér twiskeo yn in stang, alliiel mei greate heakken, en oan beide kaem gjin ein, sa lieecli like it.

Do 't wy yn 'e wein sitten gyngen, sieten wy alliiel efteroer yn 'e banken, mar do't it spil omheech gyng, kamen wy to sitten krekt as yn in gewoane tram, trocbdet de wein skeef' hong. Sa'11 spil liat wol liwet fen 'e klokswichten by in alde slofltsjt>klok, as men it wicht omheech lukt, giet de ring nei ünderen, en sa is 't hjir ek sa Invet. Boppe op 'e berg is in soart machineln'is en dêryn draeit in oeribel great bouten réd, en om 'e ranne fen dat réd draeit in tsjokke izeren kabel, dér twa weinen oan fést sitte, d' iene giet nei hoppen ta en d' oare nei ünderen; krekt yn'e midden is in „wissel" en dér ride hja mekoar foarby. De wein dy nei ünderen giet, meitsje se ornaris mei wetter swierder, den lükt by d' oare wein luist fensels nei hoppen ta en, as er 't liet rédde kin, den helpt de machine 'm in bytsje. As de baen dos ienkear leit, den is 't riden net sa tige djür, mar it meitsjen fen sa'n wei giet fensels net yn ien dei, dat is in hiel stik wirk

Sluiten