Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

lade en de bólle op wiemen, wier de fraech: hwet nou en hwer hinne? Men praet den wol ris oer „aantrekkingskracht", binatnmen fen greate ef moaije ef aparte dingen; nou den: wy fielden dy krêft fen 'e Pilatus en 'e Sonnenberg en it paed, dêr wy d' oare jouns by del gien wieren, trapen wy nou by op. Jister de stimmming fen de neijerkommende joun en de sinkende sinne, nou de stimming fen 'e rizende sinne en de Sneintomoarn. Hiel oars, hiel oar moai, hiel oar ljocht, in hiel oare wrald en 't gyng nou omheech, de frou püstte al ris en moast al ris sitte. En — wier 't net to bigreatsjen? de loft, dy't earst sa moai klear wier, waerd al njunkenlytser minder, de sinne gyng al ris biskül, 't waerd stiller, en einling, do't wy hoppe kamen, wier fen 'e hiele Pilatus neat to sjên. Dy kant lit lei 'r jister, seinen wy, ja, en 't scil ek wol sa wést ha, mar wy moasten it leauwe op „gezag" en dat bat for Friezen altyd in min ding wést. Sims hienen wy hope, det de ioft brekke scoe, mar 't mocht net barre, en do't de „conducteur" fen 'e „Zahnrad-balin" mei in bid rukte troanje al foarspelde, det er wol rein komme scoe, do sakke üs de moed yn 'e skoen en bisleaten wy mar om üs mar wer nei ünderen sakje to litten, de retour fen 'e oare deis hienen wy yet yn 'e büse. En 't dürre den ek net lang ef de earste reindrippen kamen al, och, och, en dat op Snein en yn sn'n frjemd lfm, hwet wier 't in spil! Mar o wonder, it klearre wer op en 't waerd wer reisber waer, wylst wy mei de electriske nei ünderen fieagen by de mar lans. Us doel wier nou de „Löwe", in monumint, dat yn in rots üthouwd is as oantinken oan de Switsers, dy 't by 't fordégenjen fen 'e „Tuilerieën"

Sluiten