Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

allegearre as helden stoarn binne. 't Is makke vn in rots en de rots seis liinget der as in kape om hinne, hast op in wize bygelyks as in minske yn in badstoel sit, en it is in hiel natürlike, greate liuw, mei in öfbritsen „speer" dwers troel, it lichem, wylst l.y stjerlend mei ion fon syn foarpoaten de Franske ..lelie" yet biskermt.

1,0 t wy it seagen, waerden wy stil en stienen in hiel toarn stil to sjr-n; om to sizzen det it moai wier, like hast in „ontwijding" fen it greate heldenfeit, dat it foarstelde. It hiele byld fen 'e öfgryslike tiden fen e 1 ranske Revolutie kaem yen for eagen, en as ïen fen e greate eagenblikken stie dér twisken yn, dit stik plicht fen 'e Switsers, dy't de dead karden boppe it forsomjen fen hjar plicht en allegearre foelen as offers fen 'e loslittene dier-minsken fen dy bloed-tiid. Men wirdt yet huverich as men oan dy helle-dagen tinkt en dochs dy liüw ropt yen wekker, en haldt yen fèst, en twingt yen to tinken oan dy tiden, mar boppe alles giet fen dit byld üt in hege „wijding", dy't yen net gau forlit en m toarn as in oar minske yn itgedoch fen 'e wrüld bringt. Fen dizze „Löwe" roun ds wei lans sa'n kreaze restaurant, det wy net foarby komme koenen, to mear omt it ünderwiles bigoun wier to reinen, det it eazde. De jiffer, dy dér bitsjinne, kaem üs al tomjitte mei 'n kaert, dór't op stie, Invet for iten hja to keap hiene, hja koe fêst al sjên det wy honger hienen. Lyk as oeral yn Switserlan, wier 't hjir ek wer kreas en 't iten bést, Switserlan is den ekforde toerist in tige by tige skoan lan, Hja witte der sünder det men 't seit, al det toeristen ornaris honger ha en hawwe dos it spil meastal klear en, omt hja

Sluiten