Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

sloegen trocli it kleare wetter en in paed fen skom sei us, liwer wy lans foeren. De huzen waerden al lytser, de wetterromte twisken üs en de stêd waerd al greater, de greate linteis lans de kade: Schweizerliof, Lucernerbof en oare „hofen" lleagen üs foarby, op it lést wier lijir en dt";r oan 'e kanten fen 'e mar yet in inkeld luiske, allinne de 1'ilatns blean lang de selde greate klute, ont einlings in wolk der foar skoude en wy 'm for it lést seagen. Gjin noed, for dizze in oare, wy wiemen nou midden yn 'e Switserske berchwrald; oeral bergen, d' iene al lieger as d' oare, d' iene al steiler as d' oare. Sims foeren wy rjucht op sa'n ien ta, sa steil, as wier 'r yn 't lead opmitsele üt it wetter en sa heecli, det it hoppe ailegearre yet snie wier, mar men kaem hast net tichterby sa 't like en foardet de boat 'r mei de kop tsjin oan roun, wiernen wy al wer in oare kant ut om ris oan to lizzen en nije fracht to laden en to lossen. Oeral binne yn 'e mar fen dy steigers ütboud, dér de boaten by oanlizze kinne en dér wirdt ornaris drok brükme fen makke. En klear det it wetter is, en grien! 't is in mirakel, in hiel ein fen 'e kanten on kin men de boaijem yet sjên mei al syn forskaet fen artikels, dv't der sa yn 'e rin fen 'e jierren al op tolanne komd binne. En de fiskjes, dy der swimme by tuzenen, it krioelt er as in kroade mei kikkerts. En wer farre wy op twa fen dy greate dingen ta mei 'n romte der twisken, men scoe sizze, det men se oan beide kanten mei da bannen wol rikke kin en lio tichter men komt bo fierder se fen inoar geane, en as men dér twisken is, is 't in foege sé dér, sa breed is 't. Dat is it forrifeljende fen 'e bergen, men rekket yens miette kwyt, omt men

Sluiten