Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wier en, men mei der oer tinke sa 't men wol, it is for hjarren hwet, dat wis is en haldfêst jowt. As ik nou yet siz, det er 36.000 minsken yn kinne, den kin men bigripe lio great sa'n tsjerke is, èn hwet sa'n gebou biteikenje kin mei feestlike dagen fen de natie ef fen de tsjerke seis. Wy troffen it yet det der sa'n feest fen 'e tsjerke wier, en koene do mei eigen eagen sjên hwet er dos harde. Mar dér komme wy aenstons wol oan ta. Do't wy üt de Dom kamen en der foar stean gyngen om it prachtwirk yet ris fen buten to bisjên, stienen wy al gau midden yn 'e keapljue, dy fen alles to keap hienen hwet moai wier. Nou hienen wy tlnis al yn 'e krante lézen, ho ófgryslik dy ljue oerfreegje koenen en sa gyng it dér mei dy ljue en mei tis frouljue op in keapmanjen, eft it op 'e hynstemerk wier. Mar sa krigen wy den ek forskate dingen yn 'e büse, dy't wy letter yn 'e winkel lizzen seagen mei hiel oare cifers derop, as wy delteld hienen. En dat petear gyng yn it Dütsk, lokkich for beide partijen, det it gjin examen yn 't Dütsk wier. Do't wy letter op in oar plak foar in café sieten, rekken wy oan 't kwanseljen mei in swarte keapman, dit barde yn 'e internationale sprake fen 'e fingertael en elts krige ek al wer syn sin. Do jouns oan 'e table d' hote kamen wy to sitten neist in pear soannen fen it „Himmelske Ryk", ien mei in stirt en ien sünder. Dy mei de stirt like wol de baes fen 't spil en d oare wier syn skriuwer of syn tolk, dy wier hwet „gemoderniseerd" en droech in nu'izefanger ünder'e noas. De stirtdrager noaske hwet yn 't sop om en ek d' oare spillen stienen him net allegearre allike goed oan, det ik leau nea det hy sèd fen 'e tafel

Sluiten