Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

mülk it dübelde jown fen hwet hja frege.) En sa lieten wy hjir en dér hwet jild sitte, ornaris net to min, binammen net op 'e plakken, dêr iten en drinken to keap wier, oant wy einlings, wirch fen al it sjên, wer troch it liek üt stapten, dêr wy de moarns üs „Biglieta d' Entrata" kocht hienen. Yn Milaan wêze en de tentoanstelling net sjèn, dat wier to mal, seinen wy, do't yet wêze scoe; non seinen wy 't net mear. Mar och, by üzes hat men in knypbril ornaris op 'e noas, nou hienen wy sjoen det dêrtrocli ek koe; for t ofgliden is 't mülk wol goed, en sa hienen wy dochs wer hwet leard. In skoftsje letter sieten wy yn 't station om fjirder to reizgjen nei Genua.^Wy kamen to lanne yn 'e earste klasse wachtkeamer, mar as men 't net wist, scoe men sizze det it in bargehok wier mei tripen banken oan 'e kanten for de biwenners. En dêr roun aloan in man mei in smoarge kile, dy't in feger en in great yeskeskeppe yn 'e han liie, to feijen en to garjen alle papier en fodden, dy sa mar oer 'e groun smakt waerden. 't Wier al oars as dat kreaze SwitserlAn! De trein foei üs neffens dit bargeliok noch net iens ou, mar oars, for sa fier men yn Italië kreas reizgje kin, moat men wol yn 'e earste klasse gean, liwent de bargeboel is dêr net sa slim, omt er minder minsken yn komme. Alhowol wy it net forstienen, hawwe wy mei nocht lüstere nei it praet fen twa hearen by üs yn 'e coupé en wol omt de Italiaenxke sprake sa swiet-lüdich is. 't Is krekt eft alles songen wirdt, sa'n muzikale draei witte hja dêrvn to lizzen en, al fljucht it der üt sa red as wetter, 't is en bliuwt swiet-lüdich. En de moanne skynde oer 'e fjilden en de locomotief püste, de trein

Sluiten