Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

forjitten. En binammen as men den letter heart, det liiele femyljes lijar earm meitsje ef yn skilden stekko, allinne om in moai „monument" op it Cainpo Sancto to krijen, en dos for de wrald to pronkjen, den is by my it moaije fen sa'n tsjerkhöf ou en scoe ik mei de „Prediker" roppe wolle : „Vanitas vanitatis, omnia Yanitas". Den is my in berch mei in moai bosk, ef snie, ef in wetterfal tüzen kear moaijer en is al dat pronkjen bernewirk by de Majesteit der Natür. Wier it wünder, det wy yn „Bavaria" in goed miel iten der oerhinne setten en mei in fles „Griguolino" üs leed nei ünderen spielden ? Det dy wyn koppiger wier as ik ornearre, wist ik earst do't de flesse skjin leech wier, en do koe ik der oars neat mear oan dwaen as mei in fleurich sin trocli de stèd to stappen en yn in winkel fen filigraiu de „signore grande" üt to liingjen. Nou wisten wy it, det wy by in „Hollanske" to lanne kamen en haldde ik foart myn Fransk mar yn 'e biise. Diveker, Invet hie dat frommins moai güd en it spande al om de knoop hwet op 'e pong to balden, foaral do't lija üs fortekle, det de oare deis der krekt in Hollanske jiffer wést hie, dy't for in hündert goune mennich koft hie. Mar lokkich hie de Italiaenske sinne de wyn al wer hvvet üt'e plasse bret, en woun it soun forstan it fen it sin om it moaije to hawwen, sadet wy net mear kochten as wy nedicli wiemen.

In frjemd gefoel wier it det alles foart wer ltaliaensk wier, do't wy üt 'e winkel stapten, dêr't men mei Ilolklnsk torjuchte koe, wy wiemen bast in skoftsje forgetten, det wy yn Italië wiemen. Oant nou ta hienen wy altyd yn haedstrjitten omstapt, de Via

Sluiten