Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

en do yn 'e „Ristorante", dy't by de ütgong stiet. Nou ba ik yn 't bigjin al sein, det ik my foarnommen liie op dizze reis alles to iten, liwet men ïny foarsette, mar nou waerd it my fordeald hast krappernöch. Reade macaroni, krekt as wjirmen, en der raspte tsiis oer, dy't al grif in wike-mennich tsiis wést bie, mei gjin wetter koe ik it der trocli krije; bo gléd eft it ek wier, it woe net glide. Dit wier hiel liwet oars as 't Paradys, dèr't \vy krekt ütkomd wiemen, en it oare spil, dat der efternei kaem, wier wol Invet better, mar doclis allegearre tige geskikt 0111 de Paradys-eftige tinzen alliiel foart to jeijen. Mar it biteljen wier, tinkt my, lyk as yn 't Paradys, hwent omt der gjin concurrinsje wier, scil it dér ek wol aerdich prizich wést ba, en de rekkening wier lijir it béste fen alles. Nou, wy tochten üs mar séd en prakkesearren der fierder net oer. De Middell&nske sé lei dér sa kreas, en dy stoamboat dér yn 'e iierte skoude sa stadich moai fierder mei syn swarte plomme oan 'e skoarstien, wylst in fiskerman yn in lyts boatsje foart by üs op en del hipte en dér syn gading skynde to finen. Mar üs tram kaem der al oan en wy stapten wer yn 0111 fen 'e skjinne sé, to midden fen gruzige Italianen, wer nei de smoarge havenstéd to reizgjen. Fensels binne do tsjerken wer moai, dat is oeral sa yn de südlike lannen, hwer't de Rooniske godtsjinst de boppetoan hat; wy hawwe noch in pear bisjoen, dy't wer hiel oars wiernen as oaren, dèr't wy ek al yn wést hienen. len b. g., de Annunziata, wier yn trije parten öfdield, en fen boppen dérneffens alliiel biskildere, it Alde Testamint, it Nije Testamint en de Passie stelde it foar. Fierder wier alies ek wer fen moarmer

Sluiten