Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

hotel wier mei kellners üt oare kont rij en, mar as men den effen op strjitte seach en hearde, lio't de foerljue wer de hik hienen, den wist men wol better. Mar do't ik de jouns de strjitte noch effen oproun, en foar in stik ef Invet café's lans stapte, foun ik it dochs wol aerdich twisken it swietlüdige Italiaensk lijir en dêr oan in tafeltsje it Holl&nsk ris wer to hearren. De measten wiemen net botte hastich.

De oare deis wier 't Snein en dy dei scoe üs oer 'e grinzen fen Italië bringe, om üs vut ree to dwaen yn Frankryk. 't Wier aerdich rêstiger op 'e strjitte de moarns ier, en sa koe men ris in skoandere nacht meitsje, to mear omt wy oan tafel al wer in oar merk fen wyn ütfoun hiene, dêr it tige opsliepewoe. Wy moasten de sneltrein hawwe nei Marseille, mar op 'e boerdtsjes wier. dy namme net to flnen; hwa rekkent der nou lykwols op, det yn Italië de nammen fen oare plakken ek al yn't Italiaensk skreaun wirde'? Marsiglio moesten wy ha en dy wier den ek al for üs klearset, wylst oan d' oare kant fen it perron in keppel gesichten üt üs Hotel de reis nei 't Noarden oanbounen oer Milano. Efkes wier 't in ünwennich gefoel, det hja nei it lan tagyngen, dêr elts üs fatsoenlik forstean koe, en wy in oare kant üt dêr nimmen üs forstie, mar dat wier ek mar in omsjên; do't Itjar trein earst foartgyng, wier 't ek wer wei, en setten wy üs rêstich del om mar wer op 'e nij op to nimmen fen 'e frjemde oarden, der wy mülk nea wer kamen. De Italiaenske sinne skynde wer, de trein wier net fol, wy hienen de mage fol sükelarje en elts in moai hoekje, foarüt mar: do't Columbus Amerika üntdekke woe, hie hy 't ek neat better as wy nou. Men seit den wol

Sluiten