Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

millioenen drippen, skommet en brüst en flustert oan de minsken de poëzie fen it „perpetuum mobile", dat nimmen fen hjarren yet ea neimakke liat ef ea neimeitsje scil. Men moat or yen by wei skoerre, as men wer besognes bat fen 't deisticb libben, al bistean dy den ek mar yn iton en drinken en sa gyng it üs ek; lokkich waerden wy dêr by hwet holpen troch in tongerbui, dy lis öfgryslike swart oanseach en sa nei t hotel jage. Mar liwer wierne wy de jouns nei iton wer to flnen'? Oan 'e sé fensels en do wier 'c yet folie moaijer, hwent do skynde de moanne. En dy makket ommers alles folie moaijer, sniüker, Ijeaver; bonear frijden wy ljoafst yn üs goeije dagen, midden op 'e dei en midden op 'e dyk, ef smuk yn in prieeltsje yn 'e moanneskyn ? Hwatte? Nou, sa is 't ek mei de Middellanske sé oan de Riviera; by jountiid wirdt men dêr in oar minske, men scoe de wrald sa wol fêst Milde wolle, krekt b.g., as men mei in jongfaem yn in boatsje op 'e Snitsor mar toarket yn 'e jountiid. Den fielt men gjin kjeld en honger noch toarst, mar allinne in langst me om de liid stilstean to litten en it lok for iwich sa to halden; d' oare moarns wol men den lykwols wol ris hwet stiif wêze en draeit it faek op for in dübeltsje boarstkrüden üt. Wy binne yn Mentone op béd gongen, foar det it hjir oan ta kaem, ik krige hjir de boarstkrüden net for sliters-jild.

D' oare deis wier by allo moais, dat wy seagen en by alle nijs, dat er üsjoech, in dei fen tsjinrinnen, it fatum woe net sa 't wy woenen. De route wier oer MonteCarlo nei Nizza, mar do 't wy by Monte-Carlo wierne, stapten wy net lit, mar bleauwen sitten. ITworom ? ja hwerom! it kaem sa lit en it kaem net sa ut, mar

Sluiten