Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

is der thüs en dat is op reis de healc wille. Dêrom wiernen wy bliid wer yn Switserl9.ii to wêzen, hja binne it dér ek wend om gasten to hawwen en alles leart, trochdet men it folie docht. Yn it gefoel fen thüs to wêzen skouden wy den ek ünder it lekken en wiernen gan forgetten yn Invet wriUds-hoeke wy ütliongen.

De oare moarns wier fonsels de earste stap nei de mar, it Lac Léman, lyk as se dér allegearre it „Meer van Genève neame. Diz/.e mar en de „\ ierwaldstadter" binne nou beide Switserske bercbmarren, mar in great ünderskied det der twisten is! allinne yn beide is it wetter wiet. Mar oars scoe ik dizze mar forgelykje wolle by in foarbyld fen ljeavens, gollens en smükens, b. g. in tsjep jongfaem, en de oare oannimme wolle as in type fen greatens, foarsens, hegens, litte wy mar sizze ia Romeinske gladiator. Hjir bat men moaije panorama's fen blier wetter. moai yn-djip blau, dat ütrint yn moaije weiden ef bougrounen en sa swietwei ombeech nei do hege bergen, liwerfen b. g. de Moat-Blanc ien keat is. By de ienvaldstadter" it wetter yn-grien en klear, mar oeral himmelhege rotsen, dy't dêr lit it wetter opkomme as mörren. Hjir is it ütsicht Ijeaf, blier en frij, lyk as yn 'e eagen fen in jonge boerinne, by de oare strielt yen üt alles de krèft tomjitte en de macht. Hjir swemme de swannen en flüsterje fen ljeafde en poezy, dêr rollet de snie by de bergen del en tongert yn 'e earen it lüd fen 'e loslittene natürkrêften. Sa kin men trochgean en rekket den fensels oan it oerdriuwen, mar nim fen sa'11 forgeliking in stik ou, it ünderskied bliuwt. Elts is yn syn soarte tige by tige moai, mar

Sluiten