is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

as det hy it fortsjinne. Hja mocht him op 't lést net mear sykheljen hearre, om't er hjar net loai en liddich libje litte woe. Do't der al skieik in lytsen-ien op kommende wei wier, waerd it earder minder as better.

It bearde as skoerde klokken mei dy twa.

En nou wier alles foarby. Hjoed hied er hjar to hóf brocht. Hja wier hastich forstoarn, toalve dagen ald-kreams, en hie him efterlitten mei in bern der't er in soarte fen hate op hie, om't it fen hjar wier, en in holle fol soargen.

Hy lei de hier apart, om to sjên hwet der oerbleau. Det wier al in bidroefd dripke, en den gyng der yette de rinte öf fen syn sisters erfpoarsje, det hja him, do't de aldboer stoar, halde litten hie, om't it ünder 'e pleats siet. Hja wier troud mei in skoalmaster, en hie 't jild ek breanedich, det hy wier net fen plan, om hjar langer wachtsje to litten.

Hwent, — och ja, hird en noartich mocht er wêze, sa earnich en fül as de ljue wol ha woene, wier er net. Mar nimmen wist ek, hodeun er wêze moast, woed er op 'e pleats bliuwe. Syn heit, oars in krasse boer, dêr hie 't yn 't lést fen syn libben ek hisen mei west, krektlyk as mei folie alde boeren, hwa't it nijerwetske net oan woe. Tsjalke wier nou al oan 't Greongeaster mólkfabryk; hy seach wol yn, det dit it spil wer op 'e kluten bringe moast. Mar sünt syn troudei hie 't gjin touwen halde kinnen. As er dêrom tocht

Hy siet efkes mei de earmtakken op 'e tafel, en de hannen oan 'e holle, stiif foardel to sjên.

Mar né, sa net! De moedfearren net hingje litte, de kop der foar halde, sei er tsjin himsels. Op bêd en sliepe; moarn wer dei en rie. En as de nije faem him net genóch by de pinken wier, scoed ergau om in oaren-ien to-fjild wêze!

Det wier 't bislüt, der't er syn bêd mei opsiikke.

Hy sliepte rêstich en fêst, better as nou al wiken oanien. En de oare moarns ier en bytiid kaem er der öf, krekt sa't er de jouns lizzen gien wier: earnstich en swijsum, mei in warber, mar hird gemoed, en sünder om syn bern to tinken.