is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

ek in ding dêr't er net malle swier oer tilde. Qau sa'n goeden-ien as dy oare west ha scoe, as hja yn 't libben bleaun wier, tocht him.

En sadwaende seagen wy him den op frijers-foetten syn pleats forlitten. Hy doarst it net langer forstelle.

Jurjen, de feint, gyng dy sneins net nei Greongea, sa't er oars folie plichte. Gapjend en rekkerich stied er tsjin 'e hameije oan to hingjen. Hwet scoed er einliks ek yn 'e burren? Mei de oare feinten op en üt gean koed er net rjucht. Koekslingerjen dêr hied er nin nochtoan en ek nin slach fen. Op 'e dyk omdangelje, wier likemin trewis for him. Sadwaende kaem er al folie yn 'e herberge to lanne. Né, thus

bliuwe wier al sa goed.

De feint tocht om 'e boer, dy't ut to frijen gien wier, sa't er wol fornomd hie, en grif gau wer in wiif nimme scoe. Enhy, honear scoe hy ris for 't earst nei de frouljue? Oan distiid ta hie t him net folie skele kinnen, det er aldfeint bigoan to wirden. Och ja, hy hie wolris in lietsje sjongen heard, dêr't yn foarkaem det in aldfeint fen fjirtich jier in sukkelder yn 'e wrald wier, mar oan 'e fjirtich wier er yet lang net ta, en in sukkelder hied er al syn libben al west; det hoefde er net mear to wirden. Ungelokkich as er wier, hied er dêrby al sünt jierren by in oar omstippe moatten. En hy wist ek wol, det de fammen nei him net omseagen. Mei oare feinten hied er wolris hjir en dêr hinne west, dêr't jongfolk byinoar kaem, mar by sokke akkefytsjes wier hy it altyd, dy't by de frouljuesginst troch rekke. Hy joech him der ek sa net by, en waerd der net oars noch oars fen, as syn kameraten him de iene efter de oare forlieten en in faem op side kroepen. Wieme de frouljue him net tagedien, hy woe fen 'e measten ek net witte. It wieme hast allegearre wyldepüsten, net ris in bytsje

bistindich en evenredich

Ik hab in séman kennen,

Dy foer de wrald yn 't roun;

Hy hie yn 't alde Fryslan Sa'n ljeaflik famke foun ....

klonk it yn 't milhüs.

Jurjen harke.