Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

gyngen. En den .... „den ha'k it sjoen," sa redenearre Jurjen yn himsels. „Den freget er hjar, — en hja nimt him, fensels!"

Jurjen wier in egoist; dêr koene men him lykwol net bést mei kweade eagen om oansjên, hwent hy hie sin oan in faem, — en dêrby wier er in minske.

Tsjalkeboer bleau de hiele joun bütenwenstich stil en ünfrjeonlik; do't er nei melken yn 'e hüs kaem ek. Stjuch en stymsk siet er by de tafel, en hy die de müle hast net op. Do't er it bern gülen hearde, graude er: „Soargje det dy jonge him stilhaldt!" Det wier sahwet alles hwet er sei. Nei 'tjounsmiel gyng er, gauwer as oars, nei de foarkeamer, dêr't er sliepte, en liet de oaren sünder nachtsizzen sitte.

Foart neitiid sochten Jurjen en de lytsfaem hjar béd ek op, en Antsje bleau allinne.

It wier hjar nuver om 't herte, krekt as wier se fen in great gefaer üntkomd. Der scoe dos yn 'e earste opslach nin nije boerinne komme; hja hoefde yette net foart, — by lytse Teade wei. Hwent det wier it, dêr't se sa bang for west hie, — det, en oars neat!

„Né Teade-man! dy rike boeredochter scil dyn mem net wirde!" sei se, sa lüd, det se der seis kjel fen waerd. „Ik bliuw by dy, om op dy to pasjen, hear!" wier 't do suniger. Underwilens die se de keammerkedoar iepen, en gyng nei de widze ta.

Hja tilde it kleed efkes op.

Dêr laei it boike sa sêft to slomjen.

„Ja, myn okkebyldtsje! ik bliuw by dy!" lustere de jongfaem yetris. Do helle hja it kleed wer ticht. En der dripte wer in trien op, en dy't dy trien fallen sjoen hie

Mar né né, nimmen seach it.

III.

In goed jier al laei de boerinne fen Müntsepólle yn 'e swarte modder, op 't Idsehiemster hóf.

It wier in seltsumens, as der immen nei hjar grêf omseach. Mar inkeld gyng in jong frouminske mei in lyts bern op 'e earm der wolris hinne. It koe it jonkje syn mem net wêze, hwent yn hjar wêzen

Sluiten