Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

sei er tsjin Antsje. En de faem koe him soks net üntstride, al andere hja der net folie op. Hja woe ek graech goêfrjeon mei Jurjen bliuwe; der wier oars ek wolris in forstannich wird mei him to praten, en buten him hie se siker hast gjin oanspraek. De lytsfaem wier einliks yette in bern. En den kaem dit der by: Jurjen wier der ekgjinhoun oer om altomets in han for hjar üt to stekken; in hantaest wirk dêr joech er net om. For lytse Teade bikwite er houtspil ta boartersgüd,

en hy learde him de nammen fen 't boere-ark och ja, Jurjen wier

oars sa'n slimme fint net, al wier er by tiden hwet nuver yn syn praet.

Tsjalke Teades wier, sünt er dy jouns for 'e earste kear itjonkje achtslein hie, ek hwet in oare heit ta syn bern. Hy seachhimselsopgroeijen yn 't lytse boike dêr't er sa lang neat fen witte wollen hie. Teade scoe great wirde, en him yn 'e han dije, — syn heit scoe in fikse boer fen him meitsje. Sa wier den tominsten al syn geskrep net omdöch!

Inkeld koed er it ha, den röp er it jonkje, en liet him op syn knibbels omdünje, ef „yn heite hüske wenje". Inkeld, — hwent hy hie yet faken riten, den wier neat yn steat om him op to fleurjen; den seach er wer krekt as hied er in pik op alle minsken, en hy hie sa 't like skjin forgetten det er in bern hie.

Det wieme Jurjen syn lokkichste uren.

„Hy bliuwt blyn," tocht de feint den by himsels.

IV.

Wiid-üt, dreamerich-wirch, laeijen de omkriten to barnen yn it swiere, glije ljacht fen 'e simmersinne. Nin tukje, nin blêdke forwege yn 'e wylgebeammen oan 'e sleatswal; nin faldke wier der to sjên op 'e Idsehiemster poel. Leaden loftblau büge boppe oer 'e mieden syn breed forwulft; leaden loftblau laei as blier laitsjend libben yn it wetter.

It wier suver as koe de natür oars neat mear as rêste, sodzje, stilwêze

Sok soel, brodzich waer wier Tsjalke Teades wol nei 't sin. Hy wreau yn 'e hannen. De üngetiid wier in stikhinne dien; in operkemennich string-gêrs der büte rekkene, koe hjoed foar melken it léste

Sluiten