is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Ja, dêr stie it at:

Tjalke Tedes Follema; oe Booren Te Idseheem Onder Oreonoa, de 17de Jannewaris 1864.

Det sadwaende, hy wier yet mar saun-end-tweintich! En hja wier

by 't maitiid yn hjar seis-end-tweintichste komd, en „en yette

neat wizer!" sei se fortrietlik yn hjarsels, en sloech it greate boek rimpen ticht. Hwet laei der hjar einliks ek oan gelegen, ho ald eft Tsjalke Teades wier?

Ien wier der op 'e pleats, hwa't it ho langer nammersto minder nei 't sin gyng. Det wier Jurjen. Folie earder as in oar hied er der erch yn hawn, det Tsjalke allinken-oan oars wirden wier tsjin syn bern. Det hinderde him lykwol net. Mar nou, nei dy biroerde skiednis mei de hynsder-en wein, wier de boer tsjin Antsje ek sa lak en frak, en det wier Jurjen alle dagen mear yn 'e wei. It wier wol komd sa't er tocht hie. Hy hie der altyd al bang for west, det Tsjalke Teades syneagen yetris brüke scoe, en goed om him hinne sjên. Nou wier 't sa fier! Hy, Jurjen. scoed er by troch reitsje, as Antsje de tsjeppe jonge boer krije koe; hwa ef hwet scoe hjar tsjinhalde? En det se der op tidige, wier det net oan alles to fornimmen? O, hwerom wier hy dochssa'n bytsje yn tel, hwerom wier er biheind, hwerom ünsjuch? Wier er net like goed in minske as oaren; hied er net like goed rjucht op syn poarsje libbenslok?

Sa harsenskrabe de feint. Salang as him tinke mocht, hied er skrept en klaud, en tofreden west mei it dripke dêr't it lot him mei leanne, en nou't er, for 't earst fen syn libben, de han ütstiek om seis to nimmen hwet him fen rjuchtswegen takaem, nou ried dizze man him foar 'e kroade, dizze man, dêr't er

O, hy rölle de fusten op; hy forginde oaren hjar soune, frisse

lea, en forwinske himsels om syn üngelokkigens.

* * *

Nin frjemder güd yn 'e wrald, as minsken, en yn en oan in minske gjin nuverder ding as syn herte. Hwent in minske wol oeral dêr't er syn foetten set, for master opslaen, en kin dóchs fakentiids