is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Alle die syn boekje ticht; hy hie, al skriuwende wei, neat oan'e hüsfrousfaem mirken. „Ja," sei er wer; „hja scille de lapen wol gau byinoar smite."

Antsje moast biskie jaen. „Soa, tinkt jo det?" sei se. „Nou, jy witte niear as wy hjir. — Ik leau, det üs sjerpkrük leech is, ik scil ris sjên." En hja gyng yn 'e hüs.

Efkes letter kaeni de lytsfaem bütedoar mei de kruk. Antsje wier yn 't keammerke, by de jonge.

VI.

Der gyng yn 'e omkriten fensels wol praetfen, detTsjalke Teades en Tys Rimmerts' widdou it trouwen klear hiene, mar der wier einliken nimmen dy't krekt wist to sizzen hofolle eft der fen oan wier.

Mear as Alle winkelman de hüsfrousfaem fornijd hie, waerd men fen oaren ek net gewaer.

Mar det er der op óf west hie, stie fêst. En hwer scoe 't oars om wêze kinnen ha, as om soks? Nin ien dy't der oan twivele, Antsje hielendal net.

Hja sette der hjar nei, det hja scoe nou wol gau foart moatte. Hwent bliuwe, — né hear, det net, al waerd it hjar frege. Hja woe hiel wol ünder in frou stean, mar hjir op Müntsepölle, — né, o né! Hja hie der fen 't simmer wissichheit fen krige hwet der yn hjar herte omgyng. Hja wist it nou wol! O! dy earste wike-mennich nei üngetiid, do't er sa aerdich tsjin hjar wier! Det lytse skoftke hie hjar de wierheit fielej litten fen eat det se hjarsels wit ho lang üntstriden hie.

En dêrom gyng se foart, as dy oare kaem!

Sa gau't Jurjen praet hearde fen 'e boer syn nije frijerij, wier er ütskriptis bliid. Under 't wirk floite er alle lietsjes dy't er heal ef hielendal koe; hy hie sa'n goed sin, it wier bjusterbaerlik. Rein skroar moast him foartynienen in nij pak meitsje; det wier om fetsoenlik en kreas brilloftsje to kinnen, hied er laitsjend sein, ünder 't oanmjitten. Hwaens brilloft er op 't each hie, sei er der net by, mar det hoefde ek net: de boer sines fensels, det wier wol to bigripen, tocht de nidlehelt.